Fryslân : in stik yn njuggen tafrielen yn proaze

By Douwe Kalma

The Project Gutenberg eBook of Fryslân
    
This ebook is for the use of anyone anywhere in the United States and
most other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
of the Project Gutenberg License included with this ebook or online
at www.gutenberg.org. If you are not located in the United States,
you will have to check the laws of the country where you are located
before using this eBook.

Title: Fryslân
        in stik yn njuggen tafrielen yn proaze

Author: Douwe Kalma

Release date: December 15, 2024 [eBook #74907]

Language: Frisian

Original publication: Sneek: Brandenburgh & Co


*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK FRYSLÂN ***

FRYSLÂN

IN STIK YN NJUGGEN TAFRIELEN
YN PROAZE


FEN
DOUWE KALMA


UTJOWN BY BRANDENBURGH & Co. TO SNITS YN 1926




FOR HWA’T YN FRYSLAN GREAT WIERNE EN GREAT BINNE TROCH IENSUMHEIT, TROCH
STRIID EN TROCH LJEAFDE.




Ynhâld

 IT FOARSTE TAFRIEL
 IT TWADDE TAFRIEL
 IT TREDDE TAFRIEL
 IT FJIRDE TAFRIEL
 IT FYFTE TAFRIEL
 IT SECHTE TAFRIEL
 IT SAUNDE TAFRIEL
 IT ACHTSTE TAFRIEL
 IT NJUGGENDE TAFRIEL




IT FOARSTE TAFRIEL


STIMMEN YN IT WALD.
IT FORRIZENDE FRYSLAN.
DE DREAMEN.
DE DIEDEN.
DE TIID.
DE STOF.
DE GEAST.

De seame fen in wâld op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide
oprinnend nei de foarste beammen. De rûmte twiske de stammen stiet fol
mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr’t heal ôfditsen fen de nij
bigriene twigen, in paed út it wâld útrint op de greide.

IN STIMME sjongende yn it wâld.

Myn herte is koel en suver
Allyk in mar moarnsier;
It fielt yn sêfte huver
De dei syn krêft en tier.

It ljocht mei tûzen strielen
Oerstreaket al syn wiid;
O frjemd en noegjend fielen,
O gouden Maeije-tiid!


IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it griene wâld fen de Maitiid?

IN STIMME anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it langjende.

DE STIMME YN IT WALD sjongende.

Myn herte fielt to rizen
It ûnwearsteanber ljocht;
De wyn yn kleare wizen
Hat my de wytging brocht.

It stiet alhiel omringe
Fen tsjoenend ljocht-gewiuw;
It kin noch wol bitwinge
Syn eigen djippe driuw.


IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?

IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it stridende.

DE STIMME YN IT WALD, sjongende.

Ik scil myn finznis brekke,
Myn iensmens is net mear;
Myn hert, myn hert is wekke
En al syn great bigear;

It djippe wâld ûntteine,
Wol ik de dei yn gean;
Sa mei de heechste seine
Oer al myn wegen stean!


IN STIMME, klinkend fen lofts.
Hwa is hja dy’t sjongt mei it rike lûd fen de Frijheit?

IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it forrizende.

De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in hân
fen siden dien. Men sjucht Fryslân, jong en strieljend, mei loshingjend
hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de
hân, en seit:

FRYSLAN.
Kom harren, jim dy’t myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en
myn sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar ús leit de iepenens
fen de wrâld. Wy forlitte it skaed fen ús bosken, wy scille stean yn it
greate ljocht fen de dei. It libben is bigoun for ús. Kom harren en
stean nêst my, det wy sjugge hwet foar ús leit ear’t wy fierder geane.

Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije
jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet
oer hjar hier. Hja geane stean oan wearskanten fen Fryslân, en yn ienen
slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen.

FRYSLAN.
Hwet hastû, ljeave, hwet hastû, myn teare Dream?

DE DREAM.
Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe.

FRYSLAN.
Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy krêft jaen en
dijen dwaen, it scil dy meitsje ta wierheit.

Nou stekt de foarste Died syn earmen foarút, as yn in great langstme.

FRYSLAN.
Hwet hastû, frjeon, hwet hastû, myn sterke Died?

DE DIED.
Sa fûl langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe.

FRYSLAN.
Byn yn, it is nedich detstû dêr hoeden giest, it lân fen dyn wegen
kennend, en in wiis brûkme meitsjend fen dyn krêft. It is nedich det wy
witte hwer’t wy steane, hwer’t wy hawwe scille to arbeidzjen, to
striden en to ljeavjen. Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen,
biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dieden.

DE FOARSTE DREAM.
Ik sjuch in lân, ditsen fen griene wâlden; de wyn fen de greate dei
rûzet sêft troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de
minsken, fen ien, heger as wy. Ik sjuch in lân mei wâlden, dreech,
suver en grien, en alles is dêr wijing.

DE TWADDE DREAM.
Ik sjuch in lân, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de
dei tsjoent in sêft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte
dêr tûzenfâld. Ik hear it gelúster fen dy streamen en it wevet in liet
yn de sêft-trochrûze stiltme.

DE TREDDE DREAM.
Ik sjuch in lân, omboerde fen blauwe séen. Hja bistreakje en bistoarmje
it, hja binne it ta fijân en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja
ien, dit lân en dizze séen. Ik sjuch in lân, wrakseljend, om nêst de sé
to bistean.

DE FOARSTE DIED.
Ik sjuch in folk, libjend yn de glâns fen syn moarntiid. Hichten smyt
it op tsjin it wetter; dêrop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar
fé. De keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit
fen dit folk, en it wytget trou.

DE TWADDE DIED.
Ik sjuch in folk, jeijend yn de skûl fen syn wâlden. Mear as it dimmene
wirk, mear as hjar deistige soarch is hjar djûr. Hja siikje it wyld yn
hjar wâlden, en hjar herten ljeavje it aventûr. Ik sjuch it antlit fen
dit folk, en it wytget moed.

DE TREDDE DIED.
Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn lieders. Frjemden
tsjugge ta op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de
skylden, en hja binne ien. Ik hear út hjar mûle de striidrop: ljeaver
dea as slaef. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget krêft.

FRYSLAN.
Goed hawwe jim skôge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn
Dieden. Sa bistiet dit alles, myn lân en myn folk, sa bistiet dit alles
yn Fryslân. Mar hwa is hy mei it bûgde stal, swier lynjend op syn stêf,
dizze mei de griis-streamende hierren? Komstû om Fryslân groetenis to
dwaen, o myn âlde?

Fen rjuchts komt op in âld man yn silveren klean en mei lang griis
hier. Hy bûgt swier oer syn stêf, mar yn syn eagen en lûd is klearens.
Syn hier is ditsen mei in krânse fen jimmergrien.

DE ALDE.
Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Fryslân. Mines binne de fjilden
dêrstû nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de
Kening groetenis docht.

FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dwaen, dû âlde, ear’t ik net wit detstû mear
bist as ik. Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for
hwet hja is, en dy eare dwaen lyk astû fortsjinnest.

DE ALDE.
Ik bin for hwa’t de blom bloeit en forwylget, for hwa’t de iik riist en
rottet, for hwa’t de folken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen
alles hwet ierdsk is, ik bin de Tiid.

FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke,
detstû mear bist as ik. Hy, dy’t dy rôp to bistean, rôp ek my to
bistean; Hy, dy’t dy skoep, skoep ek my. Net ûnder dy scil ik libje,
mar ûnder Him út hwa’t wy beide binne.

DE ALDE, bûgend ta de klaedseam fen Fryslan.
Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hastû andere; ik frege om dy to
hifkjen, mar dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn
fjilden en biwarje dyn witten.

FRYSLAN, hjar hân lizzend op it hier fen de âlde.
Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bistû, en de slachten fen de
minsken learstû de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht
fen dyn fjild scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy’t dêr
komme fen wearskanten, ien yn swier read, ien yn trochskinend wyt,
beide in kroane dragend yn hjar hân? Siz dû my, hwent dû witst.

DE ALDE.
Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn hân,
is in greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend
wyt, en de glâns fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht,
en syn namme is Geast.

Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Fryslân en de âlde
hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend
goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen
skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende pearel.

DE STOF.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o
Fryslân.

DE GEAST.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o
Fryslân.

FRYSLAN.
O wûndere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounje! Forklearje my de
wearde fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten.

DE STOF.
Dizze is de kroane dy’t it lichem draegt, en hja jowt macht oer de
ierde. Dizze is de kroane dy’t de greaten earje en dêr’t it folk for
bûgt. Dizze is de kroane dy’t dy stean dwaen scil mank de kenings fen
de ierde.

FRYSLAN.
Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof.

DE STOF.
Ut it bloed fen de minsken is hja ûntstien. Alle oare stiennen
ljochtsje fen de Dea, mar dizze is de stien fen it Libben.

DE GEAST.
Dizze is de kroane dy’t de siele draegt, en dy’t hjar tilt boppe de
ierde. De folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de
kenings kenne hjar net. Mar hja is ûnforgonklik, en de Tiid is
machtleas tsjin hjar.

FRYSLAN.
Neam my dizze pearel, glânzgjend mei in ûnwitten glânze, o Geast.

DE GEAST.
Hja is de pearel dy’t gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is
ûnskeinber, hja is hillich. Hja is de pearel fen it mystéry.

FRYSLAN, mimerjend.
It mystéry? Ik wit net hwet it is. Yn myn wâlden bloeide it libben, it
is it libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet bûten
en boppe it libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de
kroane fen de macht op myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn
kroane, scil ik ûnder de minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane
dy’t ik keas, o Tiid.

DE ALDE, de kroane fen goud settend op it hier fen Fryslân.
Keazen hastû, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy
sterk wêze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilstû
priizgje en hjar lytsens forflokke; hjar sillichheit scilstû smeitsje
en hjar ilinde trochfiele. Gean dyn wegen yn greatens, o Fryslân.

Fen in ûnsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet:

SANG.

Fier de wide doarren iepen,
Meitsje rûm en klear de wei;
Hinnegien de tiid fen sliepen,
Rizend, great en eal, de Dei—

Gean, o foltsen, gean, o swide,
Foar dy leit de wûndre wrâld—
Gean, yet yn dyn dream forblide
Dy’t dyn dei bisletten hâldt!


Under it twadde fers giet Fryslân, stil en steatlik, folge fen hjar
Dreamen en Dieden, dêr’t de Stof him by oanslút, oer de greide lofts.
De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de
wâldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate
stimme:

DE TIID.
Nou bigjint de skiednis fen Fryslân.

De foarhing slút.




IT TWADDE TAFRIEL


GERMANICUS, fjildhear fen Rome.
VITELLIUS, in stêf-ofsier.
CETHEGUS, in kriichsfeint.
SIGURD, in jonge Fries.

Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det sté forskynt in
herold, útrist yn de kleuren fen Fryslân en in trompet hâldend yn de
hân. Hy bliest ienris en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 15, oan it Boarndjip yn Fryslân. Yn de tinte
fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome.”

De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen
Germanicus, wyt en skjin, mar mei de greatste ienfâld ynrjuchte.
Rjuchts in rêstbêd mei tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de
efterkant stiet in great blinkend skyld. Lofts in lytse fjouwerkante
tafel fen in poarperen klaed ditsen; dêrefter twa ienfâldige houten
sitten; op ien dêrfen de legaet Vitellius, digerjend oer in greate
útrôlle kaert, dy’t er foar him oer de tafel útspraet hâldt. By de
yngong stiet, yn hâlding fen rêst, de tribún Cethegus.

Vitellius, de ûnderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske
de fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar
inkeld det der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it
kommandearjen is him in twadde natûr wirden. Lykwols is er mear as in
rouwe izerfretter: in man dy’t syn hiele libben ynset hat for de
greatens fen Rome en for hjar it swiere tsjinstwirk nei syn bêste
witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje koartkearich; op dizze tocht
troch Fryslân hat er in forkâldenens skipe. Hy ûnderfynt it lêst
dêrfen, mar achtet it net fiks det skine to litten. Yet in hoart
digeret op ’e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de tribún.

VITELLIUS.
Tribún Cethegus!

CETHEGUS, yn de hâlding.
Ré, hear.

VITELLIUS.
Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste
foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige ûnfolslein. Wy binne hjir yn
in noedlike kontrei....

Hy prúst in pear kear forheftich; de tribún skrillet derfen.

CETHEGUS.
By de greate Juno! hwet skeelt de legaet?

VITELLIUS, stûf.
Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn
oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik lân. De sé stean ik yet
minder. Ta gjin priis moat it forbân twiske leger en float forlern
gean. De wyn is ginstich; de skippen moatte dêrfen profitearje en
útsile; it leger scil folgje. Byn de skipsofsieren op it hert det hja
sa ticht mûglik by de igge bliuwe.

CETHEGUS.
Jy winskje hjar dos yn it sicht to hâlden.

VITELLIUS.
Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to
gean. Bring myn lêst oer yn krekt deselde wirden, tribún. Jy kinne
gean.

CETHEGUS.
Ta jins tsjinst, hear.

Hy giet ôf troch it seil mids efter, en forsommet it alhiel wer to
sluten; sadré’t Vitellius dit sjucht, ropt er de tribún lûd efternei:

VITELLIUS.
Tribún Cethegus!

CETHEGUS, wer forskinend
Hear?

VITELLIUS.
Slút de yngong. Alhielendal.

CETHEGUS.
Forjow, hear. Ik tocht, om’t it Maitiid wier.

VITELLIUS.
Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn.

Hy prúst, de tribún sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel
ticht dwaend. Vitellius bûgt him wer oer de kaerten, dy’t him slim
lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de fûst op ’e tafel en ropt
út:

By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy
kaert-fantasten giselje!

IN STIMME FEN LOFTS.
Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius.

Vitellius riist hastich oerein, nimt de hâlding oan en stekt de earm út
by wize fen groetenis. Troch in oars net brûkte iepening, rjuchts yn it
seil foar it rêstbêd, forskynt Germanicus.

VITELLIUS, krêftich en lûd.
Wêz groete, Germanicus!

GERMANICUS, minder krêftich, mar frjeonlik.
Wêz groete, Vitellius!

Germanicus Caesar, dy’t nou forskynd is, is tritich jier âld en de
wûnderlikste minske dy’t men yen oan it haed fen in great Romeinsk
leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, dêrby ljochter, en
alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit. Oars as Vitellius,
dy’t jimmer fier bleaun is fen it libben fen de Stêd, is hy troch alle
forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat
him for ûndergong biwarre. Syn mûle, dy’t faek in bytsje glimket, is
net sûnder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is
heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch,
mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn lûd
mimerjend en stil, as fen in dichter, dêr’t er folle fen yn him hat.
Vitellius forearet him tige, sûnder him alhiel to bigripen, mar sims
komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det
Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear
foar alles Romein wier.

GERMANICUS, ek op ’e tafel tageand en him oer de kaert bûgend.
Alsa, Vitellius, dû leaust net mear yn it treflike wirk fen ús
filosofen?

VITELLIUS.
Der doogt gjin stûr fen dit forwinske gekwattel.

GERMANICUS.
It is de earste kear net, Vitellius, det de wrâld in bytke oars is as
ús froede filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje
moatte yn ús archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja
ris sjen hofier de minsklike fantazije gean koe yn âlde tiden. De
ûndersiker, dy’t him teikene, is grif forbjustere rekke fen binaudens
for de minsken hjirre.

VITELLIUS.
In Romein heart net binaud to wêzen. Wy moatte de ljue, dy’t ús dy
kaerten oansmarden, forkleije (_hy prúst_). Hja binne op gjin stikken
nei yn oarder.

GERMANICUS, glimkjend.
Bistû sels wol alhiel yn oarder, Vitellius?

VITELLIUS.
Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei.

GERMANICUS.
Dû moatst dy oanpasse, myn bêste. Yen oanpasse, det is it greate geheim
fen alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei
pylken en swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige
krusing ta fen lân- en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to
wirden.

VITELLIUS.
It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-wêzen to tûlkjen.

GERMANICUS.
Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin
sels drok dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de
Boarnsé swommen. It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant
kennen as yn ús moarmeren badkeamers mei hjar waerm streamend wetter,
hjar kostbere salfkes en ôfwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik
sa goed. Jister haw ik in oerokse lytsman makke; det wier ek net sa’n
min stikje for in bigjinner. It is gâns in toer om yen ta dit libben to
biwennen, mar ik leau, it scil wol lokke. En faeks bliuwt men sa for
forkâldenens biwarre.

VITELLIUS.
Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy’t jy niis neamden?

GERMANICUS.
Det scil jo fen ’e moarn dúdlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det
signael? Is der hwet bysûnders geande? Hawwe jy bifel jown?

VITELLIUS.
Ik haw de skippen lêst jown ôf to stekken, mar neat det dit signael
nedich makket. Greate goadenl Hy bliest yetteris!

Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar,
frjemde koarte stjitten, dy’t min for in gewoan signael trochgean
kinne.

GERMANICUS.
De fint is dronken, ef hy is syn forstân kwyt. Hwet is dit?

It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in
jongkeardel ynstrûzen, dêr’t mei in eachopslach fen to sjen is, det er
net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar
koarte dierehûd, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de
foetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut
det er yn ’e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat
er it him út ’e eagen feije. De natûr lykwols makket goed hwet de
kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk.

SIGURD.
Moarn. Hwer húsmannet Germanicus, de Romeinske fjildhear?

GERMANICUS, forheard, mar net ûnfrjeonlik.
Hy stiet foar jo, wêz wolkom. Hwa binne jy?

SIGURD.
Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen.

GERMANICUS, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker.
Wêz dûbeld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de
soan fen Fryslân.

SIGURD.
Fen ’t selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen?

GERMANICUS,—der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels.
Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe
scille as iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean,
Vitellius, en siz de hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd,
him groetsje scil mei it signael fen de fjildhear.

SIGURD.
Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forstân brocht.

Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe.

GERMANICUS, hwet stranger.
Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen
fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de
Friezen hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean,
Vitellius, en nei dyn lêst folbrocht to hawwen, kom dalik werom.
(_Vitellius ôf_.)

SIGURD.
Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as
er ûnthiet, hat er my stjûrd. Ik bin hjir fensels better thús as jimme.

GERMANICUS.
Sûnder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek sels
skoan yn steat wêze ús wei to finen. Mar der is my folle oan fêst om
mei de ealsten fen jim folk yn ’e kinde to kommen. Dit is in bysûnder
lân, nommele Sigurd, en ik leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet.

SIGURD.
Fikser en sterker as by jimmes to Rome?

GERMANICUS.
Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen
heitelân. Mar ik achtsje it lân en it folk fen de Friezen heech. Yn
hjar kleare wetters fiel ik my hast sa goed thús as yn de streamen fen
it Romeinske lân. Fen ’e moarn swom ik in healûre yn de Boarnsé. It die
my selsum goed.

SIGURD, forheard.
Jy, swommen yn de Boarnsé! En hja seine, de Romeinen wierne in weak
skaei det ta neat mear doogde!

GERMANICUS.
Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders
úttocht. Wy wirdearje mannemoed en feintekrêft heech. Lit my jo in
fijân sjen litte meije, dy’t ik hjir jister forsloech. Dêr leit er.

Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan.

SIGURD.
In oerokse! Ha jy dysels lytsman makke?

GERMANICUS.
Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa’n die hie in Fries net ûnweardich west.

Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en
hy rjuchtet him glimkjend ta Germanicus.

SIGURD.
Wy scoene inoar doukje kinne.

GERMANICUS, wier bliid.
Fen herten jerne, frjeon.

Vitellius komt wer yn.

VITELLIUS.
De hoarnbliezer biklaget him tige...

GERMANICUS, hastich.
Hy hat syn fortsjinne lean krige. Sigurd, dû scoest my tige helpe
kinne. Wolst?

SIGURD.
Yn alles hwet ik kin. Hwet is ’t?

Vitellius is troch it forhearde hinne.

GERMANICUS.
Ik haw hjir in ilindigen lêst mei myn float. It is nou ienris sa steld,
wy scoene Dútsklân yn mei in float en leger beide; dêr witst alles al
fen. Mar ik sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere
weinen en de sé liket my rare ûndjip.

SIGURD.
Dû moatst it leger súdlik oer de sângrounen stjûre en de float in
aerdich ein de Noardsé yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen
kinne.

GERMANICUS.
Det like mysels ek it bêste, mar Vitellius hjir wier fen in oar
bitinken en ik ha my dêrby dellein, hwent hy hat gâns ûnderfining. Hy
tocht, leger en float moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de
skippen dêrom bifel jown sa tichte mûglik by de igge lâns to silen en
it leger...

SIGURD, forheftich en kjel.
Sûch!

VITELLIUS, ek op ien ein.
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal!

GERMANICUS, wer hastich.
Swij, Vitellius. En dû moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet
my trou.

SIGURD.
Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouwélige, ilindige,
troch alles hinne stomme streek. Lâns dy wei scil dyn legers forsûpe en
dyn skippen brekke. Rop dalik det bifel werom.

GERMANICUS, hwet oars as oars.
Driget der wier—sa’n gefaer?

SIGURD.
Dû kenst dit lân net! Hjir is gjin skieding twiske lân en sé. As men yn
dy hoeke is en de floed komt op, den skolperet alles ûnder; falt it
wetter, den leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard,
dêr bin ’k wis fen; it kin wol stoarm wirde!

GERMANICUS.
De skippen binne al ûnderweis!

SIGURD.
Myn hynder kin hirdernôch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars
leauwe se my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe.

VITELLIUS, dy’t him net mear ynhâlde kin.
Hwet waerboarch hawwe wy det jy ús allegear net bidrage en yn ’t leech
fiere? Jim haetsje...

Sigurd grypt nei syn dolk.

GERMANICUS, springt twiske hjar yn; mei greate stimme.
Swij, Vitellius!

Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek.

Dû hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net
spritsen. Dû hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En
ien forsiik yette.

SIGURD.
Det is?

GERMANICUS.
Biselskipje my nei Dútsklân en werom.

SIGURD.
As heit my frij jowt, ja (_stekt syn hân út_). Dyn hân, Germanicus.

GERMANICUS.
Myn hân ... hwerfor?

SIGURD, laitsjend.
Witte jim net hwet fûskjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip.

GERMANICUS.
O, op dy manear. Ja, den is ’t bêst. Dei Sigurd.

SIGURD.
Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bihâlden. (ôf).

GERMANICUS, nei effen wachte to hawwen.
Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet lûd hjitten to swijen. Dû scilst
wol gâns to sizzen hawwe. Praet nou mar wer.

Men heart it fjildhearssignael.

VITELLIUS, slim forûntweardige.
Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is
troch it slyk helle. In opslûpen Friezejonge, in ûnwittende útlanner,
in barbaer, de gelikense fen de greatste Romein!

GERMANICUS.
Sa is it fêststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Fryslân scoene
bounsnoaten wêze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen.

VITELLIUS.
De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade
letters! Hwet kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det
de wrâld regearret?

GERMANICUS, earnstich.
Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ûnrjuchtlike eare
die, Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome.

VITELLIUS.
In oerwinner ... fen Rome! Hwet miene jy?

GERMANICUS, yet earnstiger.
Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is.
Tink om ús paleizen, ús wielde, ús slaven, ús forfining. Jy witte hwet
der is yn al det moarmer en goud: oan de woartels fen ús folkslibben
knaget de wjirm fen it bidjer. Tink om de jongfeinten dy’t ik deis om
my hinne haw—en him. As hy en syn folk ús seagen yn de ivige stêd, hja
scoene ús ljeavje noch eangje, allinne mar forachtsje, by al ús rykdom
en forfining. En der is mear, Vitellius. Dizze minsken binne rou en
ûnwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it ús ek taklinke mei, in
wird liket for hjar in wird; for ús is it in list. De goaden meije Rome
genedich wêze, de dei det krêft en trou foar forweakliking en forried
oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is,
Vitellius.

VITELLIUS.
Ik ... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en
freegje net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome
ûndergean scil, as it greate ryk fen Tiberius falle scil, dizze
barbaren allyksa. Hja alteast, hja drage tige dúdlik hjar ûndergong yn
hjar.

GERMANICUS.
Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius.

VITELLIUS.
Witte jy, det der yn Fryslân nimmen regearret? Witte jy det hja allinne
libje ûnder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin
regear, om’t hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op útrinne?
Kin sa in folk bistean? Hja binne heechmoedich tsjin ús; hja scille it
net minder wêze tsjin inoar. It _divide et impera!_ fen ús great ryk
scoe ek hjir maklik spil hawwe. Jy wytgje de ûndergong fen Rome, mar ik
wytgje jo dy fen dizze barbaren, dy’t nimmen boppe hjar wolle en gjin
macht ha hjarsels to bistjûren!

GERMANICUS.
Miskien, myn frjeon; wy scill’ der net oer tsiere. To’n earsten scil ik
it mysels net ûnweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten.

Vitellius prúst wer.

En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de aventûren
fen ús beider folken hinne.

VITELLIUS.
Jy miene?

GERMANICUS.
De Fryske forkâldenheit.

De foarhing slút.




IT TREDDE TAFRIEL


RADBOD, kening oer Fryslân.
DE KENINGSSJONGER.
DE FOLKSGEARKOMSTE.
TWA SPREKKERS.
IN ALDE FRIES.

Tsjuster. Den forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de
keningsstoel fen Radbod de Greate.”

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in mânske iik; dêrfoar is in
hege troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ûnderste earms fen de
iik, as in efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen
Fryslân. Oan de beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld
ophongen. De rûmte is forfolle fen mânljue, fierwei de measten yn
striders útris, in inkelde yn lange preesterklean. Nêst de troane,
bikroane mei in griene krânse en in harpe yn ’e hân, stiet de
keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid gegouns
fen folle stimmen.

DE SJONGER.
Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en
noatriden! Binne jim rêstings ré? Gâns scille hja hawwe to trochstean
tsjin it striidbere folk fen de Franken!

IEN FEN DE MANLJUE.
De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid.
Wy binne ré!

Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau.

DE SJONGER.
Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy réens fen Fryslân?
Fen hofolle goaën binne de iedmannen forskynd?

IN OAR FEN DE MANLJUE.
Jister in wike waerden de seinfjûren ta de striid oanstitsen op de
hichten by de keningsstins to Starum. Ear’t de loft read wier fen de
dage, ljochten de fjûren hiel Fryslân roun. Ear’t in wike forroun wier,
wierne de mânljue feardich en de rêstings ré. Fen Sinkfal ta Eider, fen
alle goaën binne de iedmannen hjirre.

DE SJONGER.
Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for ús
sljuchtsje! Op for de groun fen ús âffaers, op for de frijdom fen
Fryslân!

ALLEGEARRE.
Op for de frijdom fen Fryslân!

Great gekletter fen skylden en wapenreau.

IN WYTGER.
Rûmte for him dy’t keazen is fen it folk fen de Friezen! Rûmte for
Radbod, kening fen Fryslân!

De gearkomste wykt fensiden, en foarôfgien fen twa sterke jongfeinten,
elts mei in swird yn de hân, en folge fen syn seis heechste riedsljue,
forskynt Radbod. Hy is âld en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn
syn eachopslach, syn lûd en biweech is in heechheit, dy’t men hast
forgeastlike neame koe, en dy’t tige ôfstekt by it rouwer dwaen fen syn
lânsljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar ûnderskaet hat.
Sims brekt it troch yn syn lûd, det trochstrings krêftich is, mar
frjemd stil wirdt as er dingen seit dy’t him neigeane. Under it jûchjen
fen ’e gearkomste giet er ta syn troane.

IT FOLK.
Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider!

RADBOD.
Heil it folk fen Fryslân! It Ting, opdroegen oan de noed fen de
heechsten, plachtsjend en bislutend for Fryslân, bigjint.

Yn ienen hearsket der in greate stiltme.

RADBOD.
Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid ljochtet oer Fryslân,
det jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar
macht britsen, skoerd fen de greatste fijân fen de ienhiet, de
twaspjalt. Kommen is de tiid for ús Friezen om op to stean yn greatens
en krêft, om it lêste oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to
dylgjen. Rie haw ik plachte mei âldsten en riedljue. Ienstimmich hat de
rie fen Frysân op útstel fen syn kening bisletten: for it goed fen ús
âffaers, for de frijdom fen Fryslân, striid, striid en yetteris striid
twiske Fryslân en de Franken!

DE GEARKOMSTE.
Fryslân boppe!

RADBOD.
Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en
libben, haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim
lêste striid ûnder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd
hawwe. Klear wol ik hjar yn ’e miette gean, suver en trou oan de
frjemde stim yn myn herte. Det ik tsjûgje mei hwet ik sjuch en freegje
hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o mannen fen Fryslân!

GUNT UT ’E GEARKOMSTE.
Sprek, o kening! Wy harkje.

RADBOD.
Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken. Trije
kear waerd ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks
kin elts hjir tsjûgje. Dizze drôve jierren haw ik socht nei klearens
oer hwet ús miskearre. Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en
libben; hjarres wier de oerwinning. Dit haw ik leard to forstean:
twafâldich is de macht dy’t fen hjar útgiet. Eigen krêft hawwe hja, en
der is in krêft dy’t hjar laet. Dizz’ kear wol ik tsjûgje foar hiel
Fryslân: ik scil stride tsjin de krêft fen de Franken sels, net tsjin
it fierdere det hjar stipet.

IN STRIDER.
Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean!

RADBOD.
Twa machten binne steld ta in striid for Fryslân: it Krús en de
Franken. Hja hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det
bounsnoatskip to bisterkjen. Mar it wier it ûnheil for Fryslân. Nou is
it britsen, it folk fen de Franken is spjalt, Kristens scille oan ús
kant meistride. Dêryn leit de redding for Fryslân. Goaden meije tsjin
goaden, minsken tsjin minsken stride. Ik fier dizze striid net as in
striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen tsjin Franken. Net wol
ik det Fryslân mei de tsjinst oan ús goaden stiet ef falt.

IN PREESTER.
Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy ús riede Kristens to
wirden?

RADBOD.
Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de
ûre fen myn dea. Mar ik leaude, de God fen it krús wier in tsjoen, in
dreambyld. Mar gjin dreambyld kin de wrâld fen de minsken sa komme to
bihearskjen. Frjeon ef fijân, hy is in wierheit. Us is wytge det der
ien forrize scil to heech om to neamen. Ik haw gjin macht him to
dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de Franken, minsken fen
fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim allegearre scille
stride elts neffens syn eigen krêft. Wit det jim kening de striid fiert
for Fryslân en Fryslân allinne.

IN STRIDER.
Sa hat Aldgillis spritsen!

RADBOD.
Priizge sij dyn lûd, detstû neamst’ hwet myn herte forfollet! Wiswier,
sa hat hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o
Friezen; wier Aldgillis in goed kening?

IEN FEN DE STRIDERS.
Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid.

IN OAR.
Yet priizgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne.

IN TREDDE.
Hy wier in goed kening.

RADBOD.
Is der ien, o Friezen, dy’t it de grize Radbod rekkenet ta skande, det
hy it folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy’t him fen
ûntrou forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande
ús en ús libben, nimmen fen ús scil in lange rige fen jierren bistean.
Mar it folk fen Fryslân scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear,
mannen Friezen, det wy stride scille for dit folk en syn frijdom
allinne?

IN STRIDER.
It is klear, o kening.

IN OAR.
Wy binne foldien.

IN TREDDE.
Nije wirden hastû spritsen....

IN FJIRDE.
Mar wy bitrouwe yn dy.

RADBOD.
Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan
dizze striid hinget ús frijdom. Mear as ús libben is de ynset; oer it
libben fen ús folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja
kinne hjar gauwernôch wer forienje. Geef moat wêze de ienheit fen de
Friezen. As ien macht, as ien wil moatte wy stean.

IN STRIDER.
Sa scille wy, o kening.

RADBOD.
Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn
eardere oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen ús macht. Wy
kinne net mear striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim
freegje: it bifel oer de Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders
fen West- en East-Fryslân net nêst, mar ûnder my stean scille.

Opskoer. Roppen fen „Heil” en skyldgekletter; dêrfoaroer heart men
oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net
Frysk!”

RADBOD, dêroerhinne; syn stêf foar him út hâldend.
It ting is geande! Ik ban de ting-frede!

Stiltme falt fennijs yn.

Hwa’t sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke.

IEN FEN DE STRIDERS.
Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening.

OAREN.
Wy wol! wy tige!

Radbod hâldt fennijs de tingstêf nei foaren.

DESELDE STRIDER.
Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn
West-Fryslân, oars yn Mid-Fryslân. Elts hat syn eigen bistjûr yn de
frede en syn eigen lieding yn de striid fenneden. De kening is de
foarste ûnder de gelikensen, de foarste fen de lieders. Mear macht
kinne wy him net jaen.

RADBOD.
Wis wit ik, de Fryske stammen ûntrinne inoar tige. Nea haw ik yn
fredestiid taeld nei hjar rjuchten op hiembistjûr. Mar yn myn tinken
libbet hwet der barde yn de lêste striid. Ik stie foar de Frank oer,
biidzjend op de klibers fen West-Fryslân; hja hiene de trochslach jaen
kinnen. Hja wisten net det ik hjar nedich hie en teagen ta in plak
dêr’t gjin fijân wier. Wy waerden slein. Hiel Fryslân fielde de
forleging.

DESELDE STRIDER.
It foeget ús oersten net ûnder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne
great en eabel.

RADBOD.
Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil
den skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen
Fryslân, ik freegje for de frijdom fen Fryslân.

DE STRIDER.
It is stridich mei alle rjuchten en brûkmen. Soks hat yet nea sa west.
Wy moatte gjin nije dingen ynfiere.

IN OARE STRIDER, mei in rou en bot lûd.
En as der ien wêze moat dy’t alles to sizzen hat, hwerom den krekt dû?
Binne der gjin oare greaten yn Fryslân?

Gerop fen „Skande!” „Det foeget gjin Fries!”

Radbod stekt de tingstêf wer út.

DE SJONGER, nêst de troane forskinend.
Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk,
foartfleanend fen de bôge, kin it wer weromnomd. It hat klonken yn de
gearsit fen de Friezen, ta in ivige skande for Fryslân. En nou scil ik
ek myn wird sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe ús
priizgjen en lekjen. Mar for Fryslân, det it suvere wirde scil fen de
ûnweardichheit fen det wird fen niis.

Mannen fen Fryslân, moat ik jim sizze hwa’t oan jim haed stiet? Moat ik
jim bitsjutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening,
hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen
syn folk? Binne der hjir den minsken dy’t it forgetten is det dizze
iene fjirtich lang for Fryslân stien hat, as in skyld en skutte tsjin
de fijân? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west
yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidfjûren,
den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de
tsjinstberens op ús, swijend gyngen ús eagen nei de iene dy’t trou
bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Fryslân libbe. Hwa
misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek
net it earst de swierens en it leed tôge, mear as ien fen uzes? Tink om
Theodeswynde,

Radbod slacht de mantel foar syn eagen.

hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme dêrby de eagen fen
de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen ús. De Frank joech to
kiezen: de forwoastging fen hiel Fryslân, ef hjar ta bút fen syn
slimmichheit, as it wiif fen in man dy’t hja hate. Hja, de dochter fen
Radbod, de frije Friezinne, bitocht hjar net: hja makke hjar op ta in
libben det in hel for hjar wirde moast en waerd. De kening bisocht hjar
to hâlden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet
learden Jy my oer it heil fen ús folk? Do kearde de kening him ôf, en
hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge
wêze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt
hjir yn ús formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Fryslân?
Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ûnder
de foarsten, net in kening dy’t laet mei syn geast allinne, mar ek in
kening dy’t striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer
sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk
as sines? Is it de harpe dy’t ûnwierheit wytget, hja, dêr’t de amme fen
de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in
suvere striid fen Fries tsjin Frank, ús folk as in ienheit to sjen
ûnder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa’n striid
stjerre en ûndergean, as libje en winne yn in striid dêr’t syn greatens
net yn striele!

Forheftige biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! Heil
Radbod! For Fryslân en de kening! Wé hjarren dy’t wegerje!

RADBOD, de tingfrede biedend.
Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn
ienheit. Dit is myn bislút, o mannen fen Fryslân: Oan it haed fen myn
Mid-Friezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta
strider for Fryslân weardigje hwa’t de iene Fryske lieding erken! Hwa
is hjir dy’t wegeret ûnder dy lieding to stean?

De eardere sprekkers steane sûmber dêr, mar swije. De gearkomste brekt
fennijs út yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede.

RADBOD, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme.
Greate, heimsinnige, wûndere machten, det wy falle ef winne meije yn
greatens!

Hy set de tingkrânse ôf, jowt him nei ûnderen en giet ôf lyk er kaem,
yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt
ek de gearkomste útien. Allinne de sjonger en in âlde Fries bliuwe oer.

DE ALDE FRIES, biwûnderjend.
Dû hast niis fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei
sjoen haw. Dizz’ kear scil it oerwinning wêze.

DE SJONGER, sûmber.
Dizz’ kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn
folle Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it
libbet fierder.

DE ALDE FRIES.
Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy
oaren seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in
bytke—earsuchtich?

DE SJONGER.
Earsuchtich? Net mear as in bern. Né âlde, syn skild is in oare.

DE ALDE FRIES.
Hokker den?

DE SJONGER.
Hy komt in holle boppe alle oaren út, dêrom sjucht er fierder as ien
fen hjar. Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder
great wêze. As hja op hjar teannen stean geane, falle hja om; det
fortret hjar. Dêrom scoene hja him de holle ôfslaen wolle.

DE ALDE FRIES.
Fij, fij ... det is bitter.

De foarhing slút.




IT FJIRDE TAFRIEL


DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM.
TWA MUNTSEN.
IN REIZGER.
DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it
hege rjucht fen Fryslân. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in oprinnende greide,
bikroane fen trije mânske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de
beammen binne, as ôfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen
spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten
fen de rjuchters; hjar beklingen binne sierd mei de wapens fen de
Fryske sélannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en
draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa dêrnêst, hwet nei
efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de hâlder fen it sigel. De
gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles útspraet.

Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei
in boekdiel yn parkemint yn de hân; fen rjuchts in reizger, oan syn
dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in
lândeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de rûmte mear en
mear fol fen Friezen yn tige útienrinnende dracht; men sjucht hege
geastlike hearen en ienfâldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde
boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf.

DE REIZGER.
Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de
iedmannen fen Upstalbeam?

DE MUNTS.
Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen
hofier komstû, reizger, detstû net witst hwet yn Friezene libben it
earst is?

DE REIZGER.
Sokke lange jierren haw ik omswalke bûten Fryslân, broer. Do’t ik
foartteach gyng der in geroft ûnder it folk: de Upstalbeam scoe wer
gearkomme, sûnt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it
hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen.
Nou kaem ik werom ta it heitelân, en it earst joech ik my op paed
hjirhinne.

DE MUNTS.
Wiis hastû dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslân. Mei
de gearsit fen hjoed dy net ûnfoldien litte. Mar it is goed det ik dy
siz, du moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de
Upstalbeam bidrige fen ûnderling skeel fen de Friezen.

DE REIZGER.
Is den it âlde striidfjûr nea yette dwêst? Ek net fen ’e gearsit dy’t
for hiel Fryslân stiet?

DE MUNTS.
Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslân. Mar yn
de twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts.

DE REIZGER.
Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit?

DE MUNTS.
Lyk astû sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen
fen Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen
Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette.

DE REIZGER.
Sa bistû den in mûnts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?

DE MUNTS.
Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?

DE REIZGER.
Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hûs det my sa nei
is. Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert
en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.

DE MUNTS.
Sa moatstû dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstû alteast tofreden wêze.
Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is
de rykdom dy’t God ús joech. De drege âlde beammen by de skiere
kleastermûrren glânzgje fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne
giet mient men de sé to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it
sûnt tiden wier, en God joech ús de lêste jierren skoandere rispingen.
It Klearkampster fé is forneamd yn de omkrite. Wis moatstû komme en det
alles sjen, frjeon reizger.

De rûmte is nou alhiel fol wirden, lûder bigjinne de stimmen to
gounzjen. In oare jonge mûnts komt nei foaren.

DE OARE MUNTS.
Komstû, Aegidius? Wy moatte ús sitten ynnimme, de iedmannen scille sa
dalik forskine.

DE EARSTE MUNTS.
Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!

DE REIZGER.
Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.

De mûntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e
lege bankjes nêst de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerûs troch
de mannichte.

IN STIMME.
De iedmannen fen Fryslân binne yn oantocht!

OAREN.
Rûmte for it hege rjucht fen Fryslân, rûmte for de mannen fen de
Upstalbeam!

Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn
tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man,
yn de útris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere
geastlikheit, twa, ûnder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue;
fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ôffirdige fen
Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in
sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, dêr’t de
gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen
Klearkamp en stiltme falt yn.

DE ABBET, oerein.

In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae
Virginis Mariae.

DE GEARKOMSTE, moarmeljend.
Amen.

DE ABBET.
Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer
to bigjinnen. Dingen út it jongste forline meitsje it mear as winsklik,
det ik jim op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to
earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslân
de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en
goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit
fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ús krêft,
ûntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen
de Friezen tsjin de hearen út it frjemdlân. Bitink: troch iendracht
wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us
allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ús tinken
allinne, mar ús hert sels moat wêze by dizze greate mienskip.

IEN UT DE GEARKOMSTE.
Det is ús al faker sein. Det witte wy allegear wol!

DE ABBET, stranger
As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik
jim foarhâlde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr’t jim
tsjintwirdich jim krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my
trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de
brânstifting yn de bûrren Elwierde.

GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Hja fortsjinnen it dûbeld en dwers! Hjar heechmoed wier ûndildber! Hja
joegen sels de oanlieding! Hja binne bigoun!

DE ABBET, forûntweardige.
Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in
grouwel binne for de himel en in ûnrjucht for de minsken? Hwer is it
forskeel twiske dizze plonderers en brânstifters en de wrede Noarman,
dêr’t ús kroniken fen sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net
forstean? Sjuch hjir dizze sit rjuchts fen my; ienris siet dêr de
iedman fen West-Fryslân. Nou is er leech, nou hearsket dêr de greve fen
Hollân!

GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Flok oer de greve fen Hollân en alle frjemde hearen!

OAREN.
Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!

OAREN.
Oer de stêd Grins it meast fen allegearre!

Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa
Frysk as folle parten fen Fryslân!”

DE ABBET, mei greate stimme.
Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze mûle sa’n wird sprekke, hja scoe it
slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de
greve fen Hollân, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien
wierne? It is wier, de sé skaette West-Fryslân fen ús: do wier it de
oaren swier to stypjen. Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining
fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fjûr yn jim herten
bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslân net yn greatens
oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein
stean!

Der lûkt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild
wint.

DE ABBET.
Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane
ûnder ien haed, hja binne ien. Hwet is ús swakkens en skande? Dit, det
wy sûnder haed binne en fordield. Lâns dizze wei is der allinne de
ûndergong. Dêrom det ik my nou, en troch myn mûle it ienriedige rjucht
fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy’t Fryslân ynmoedich ljeavet.
Hwa’t it libben fen Fryslân wol, lit him de macht fen de Upstalbeam
bisterkje.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Yn hokfor wei?

DE ABBET.
Hûndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja
bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze
yn hiel Fryslân. Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht
werom. Ik easkje striders fen de goaën om for ús bisluten de
earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart to bistean.

IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Tinkstû det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bûgen
for eigen? Dû scilst ús net forrifelje, heite!

Kabael en laitsjen.

DE ABBET, him meitôgje littend fen syn grime.
Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sûnder hearskippij bistean?
Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t
keazen binne fen jimsels?

Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar
mei hirdens en driigjen oertsjûge wirde wolle. Men is stil.

IEN UT DE GEARKOMSTE.
Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.

DE ABBET.
Sprekstû for dysels ef for in mienskip?

DE SPREKKER.
For in great part fen de mienskip fen Westergoa.

DE ABBET.
Siz dyn bitinken.

DE SPREKKER.
Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to
stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to
sjen. Wy scille dêrom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy
forbine dêroan ien bitingst.

IN OAR.
Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslân spylje!

DE SPREKKER.
Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ús rjucht fen
frije Fryske goa; dy namme is ús genôch. Mar ien ding wolle wy net:
ûnfryskens en forrie yn ús eigen formidden, yn in boun det de greatste
namme fen Fryslân draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne út suvere
Friezen bistiet?

IN OAR, spottend.
Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!

DE SPREKKER.
Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik
komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam.
Ik skik yn, dêr is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen
iepen for de greve fen Hollân; oan ús doar leit de forriederlike,
ûnbitrousume stêd fen Starum!

IN STIMME.
Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ôffirdigen hjirhinne to
stjûren!

DE SPREKKER.
Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwânselje de Fryske
frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollân! Jim dije en wirde
grou, en it fierdere Fryslân kin forkomme!

DE ABBET.
Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstû net fierder
sprekke!

DE STARUMER, forachtlik.
Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder
fol, ús wenten der net minder ryk om wêze!

DE WESTERGOAER.
Skande oer de fette keapljue dy’t Fryslân forriede! En der binne mear
sokken yn Fryslân! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!

Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstû wier
meitsje!”

DE WESTERGOAER.
It stiet sa fêst as in hûs! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen
Hollân! Jim hawwe him de hilde bean en ús forret! Jim krûpe for de
frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy’t jim binne!

IN WYT-EASTERGOAER.
Wy scille ús it brea net út ’e mûle stjitte litte om dyn gelikens! Wy
hiene rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, dêrom krûpe jim de
oaren oan!

DE WESTERGOAER.
Mannen fen Westergoa, scille wy ús det sizze litte! Foart mei de
forrieders!

DY FEN WYT-EASTERGOA.
Forrieder dy’t it seit!

Der driget in greate striid, gûnt sjucht men de swirden lûken. Nei
hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen
Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit,
wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden,
folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:

DE ABBET.
Sjuch ta hwa’t jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne!

It wirdt hwet stilder; hja ûntsjugge de prelaet yet.

De gearkomste fen de Upstalbeam is ûntboun! By de weardichheit fen myn
ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei
in kant! Wé as jim earen net hearre!

Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne;
effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy
sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It
wirdt leech ûnder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ôf oan
wearskanten, útsein ien, dy’t nêst de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten
heart men de geroften fen ’e reboelje.

DE RJUCHTER.
Mei ik jo in ried jaen, earwearde?

DE ABBET.
Jy hawwe frij. Hokker?

DE RJUCHTER.
Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou
mûntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat
fijannen.

DE ABBET.
Nimmen yn dit ûnlokkige lân is mear sûnder fijannen. Mar safier scille
hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.

DE RJUCHTER.
Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?

DE ABBET.
Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ûnder hjar
skepersstêf. Mar hja lykje mear wolven as skiep.

De mûnts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.

DE MUNTS.
Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...

DE ABBET.
Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy
sa oan?

DE MUNTS.
De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint
oer de woartels fen de Upstalbeam...

DE ABBET, skriljend.
Nou is de ûndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis
Frisiae. (_Tsjin de rjuchter_.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik
scil myn kleaster bisterkje.

De foarhing slút.




IT FYFTE TAFRIEL


IN BOER.
REIN ANES.
SIBE HETTES.
FOLK.
IT ROUWENDE FRYSLAN.

Tsjuster. In skoftke, en de hérold forskynt fennijs. Hy bliest en
kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen
Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp.”

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in treastleaze lânsdouwe
ûnder in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei,
dêrefter de ynsinking fen de lânsleat; yet fierder rint de groun op nei
de terp. Huzen binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet
net ûnder, mar de wolkens jeije wyld it loftrom lâns en fortsjusterje
hjar ljocht; bytiden reint it.

Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters,
sit in breklike jonge, syn krukken yn de iene hân, ûnforweechlich. Syn
antlit hat it bleke en fêste fen minsken dy’t folle lijd hawwe; hy
hâldt it keard nei rjuchts eft er dêr ien wachtet. Fen lofts komt in
greate, foarse boer; de kile en seilbokse ûnder de modder.

DE BOER.
Nou moat it wrychtich net mâlder wirde! Dêr _sit_ ien yn dit waer!

Hy bikruset him.

Ik mocht wol weromgean ... as det mar suver spil is...

Der komt him hwet yn ’t sin en hy makket him ta man.

Bistû it, Rein Anes?

DE JONGE, mei in heech en klear lûd.
Hwet wolle jy?

DE BOER.
Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! It hert slacht my
noch yn ’e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy dêr del to jaen yn
dit waer? Rein sit yn ’e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs
gekkewirk, net?

DE JONGE.
Ik bin wirch. En ik wol wachtsje.

DE BOER.
Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hastû hjir to wachtsjen yn dizze
hjerstjoun? Ef (_wer bang_) wachtestû op ... hwet oars?

DE JONGE, steech.
Ik scil jo net wizer meitsje.

DE BOER.
Nou ... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed,
jonge. Mar der is net folle slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt
him nou op in paed, mids yn ’e neare hjerst?

DE JONGE.
Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte.

DE BOER.
Heden jonge, hwet bistû my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik
nou witte... (_hy bitinkt him_): lit my nou ris sjen ... it is
Slachtmoanne, en wy telle de tsjiende... mieri, dêr ha ’k it... Ei
jonge ja, it is hjoed de Lândei fen ús Steaten to Snits... Jonge,
jonge, en wachtestû nou op nijs dêrfen?

DE JONGE.
Sibe is nei Snits ta op ’t hynder. Hy scil tynge meinimme.

DE BOER.
Sa mâl kin ’k it net oangean! Dêr sitstû nou op to wachtsjen, in foech
jonge, dy’t himsels net ienris rêdde kin! Hwet hast dy yn ’e kop helle,
jonge! Lit dêr de hearen mar oer plachtsje, hwet is ús der nou oan
fêst! In minske moat om himsels tinke, siz ik mar; dêr hat men al skoan
genôch oan!

DE JONGE.
Jy komme út ’e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder
gean.

Hy keart syn antlit ôf, sadet er de boer net mear sjucht.

DE BOER.
Dû hast se alle fiif net, jonge. Mar dû moatst net miene, det ik gjin
niget oan nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men
yen net ûntkomme litte.

Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende
petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in
aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank.

IEN FEN DE NEIKOMMERS.
Is Sibe Hettes al werom op ’t hynsder?

DE BOER.
Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my
ris nij dwaen, ho’t it jern hjoed to Snits hispele is. Dêr komme yet
mear, leau ’k.

IN OAR.
Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om
tynge. En ja, men is den fensels al nijsgjirrich.

DE BOER, swetserich.
De heechste lânsbilangen sitte deroan fêst, minsken! Jonge, dêr moat
men net licht oer tinke! Dêr meije wy wol effen de keallen for wachtsje
litte, oars net?

IN OAR, spotsk.
Sêfts wol, froede Fries. As ús foarfaers goed en bloed dêrfor oer
hiene, kin by ús it boarnen wol in amerijke letter.

DE BOER, hwet kitelich.
Dû hoegst in oar net sa oer de snút to slaen! Salang as de bûter goed
jildt, scilstû it dy ek net drok meitsje mei lânsbilangen. Miskien
hastû sels dyn stim wol for in aerdich dofke forkoft!

DE OAR.
Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel!

DE BOER, op ien ein.
Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as dû!

GEROP.
Dêr is er! Sibe Hettes is werom!

GEJUCH.
Eala! Eala!

Der wirdt rûmte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege
Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstrûpt, mar de hege learzens
ek ûnder de modder.

SIBE HETTES, ergere.
Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke.
It is biswit, dû moatst it in dek oplizze.

Hwet meilijich, mar frjeonlik:

Och heden, Rein, sitstû hjir to wachtsjen?

IT FOLK.
It nijs! It nijs!

SIBE HETTES.
Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks út ’e
mouwe stieken as lyk âlde wyfkes de nijtsjes to bitsjânseljen dy’t
oaren jim oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy
sitte ûnder de kwint fen in frjemd, mar wy moatte frâl witte ho’t er ús
útstrûpt!

IN OAR.
Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de
Steaten bisletten?

SIBE HETTES.
Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene ús Steaten bislute as dêr’t
de frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Fryslân langer mei in frije
Fryske tonge? Opsitte en „woef” sizze as se ús in stikje woarst
foarhâlde, det is hwet wy nou dogge!

IN OAR.
Us Steaten bisteane út hege frije Friezen. Hja scille gjin
feintetsjinst dwaen.

SIBE HETTES.
Hiest hjoed to Snits wêze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it
wier in noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De
frouljue rôpen jûchhei det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens
scille hja gjin feinten mear ha wolle dy’t gjin mantels en plommen
drage as dy fen Eastenryk!

IN OAR.
Hwet kinne ús dy klean male! Siz ús hwet ús Steaten bisleaten!

SIBE HETTES.
Det ha ’k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef” for
de woarst dy’t Karel fen Eastenryk hjar foarhâldde! Hja hildigen him as
erflik en rjuchtlik hear oer de frije goaën fen Fryslân, him en syn
neiteam beide!

WER IN OAR.
Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen
Dútsklân, net as greve fen Hollân!

SIBE HETTES.
Ljeagen! Dêr hawwe hja ús swiet mei hâlden! Hja hawwe him hildige as
hear fen Fryslân, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De Lândei
fen de Steaten bistjûrt ús net mear! Karel fen Eastenryk is hearsker!

Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!”

SIBE HETTES.
Hja hawwe mear dien! Karel fen Eastenryk syn fjildhear, dy’t Fryslân
mei it swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him
in stik goud foreare om’t er de frede yn Fryslân hersteld hat!

GEROP.
De Steaten fen Fryslân hawwe ús forret! Hja fortsjintwirdgje it folk
net! Wy scille ús los meitsje fen hjar! Wy scille opstean!

IN GRIIS MAN, mei lûde stimme.
Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe hja dy skandlike dingen bisletten?

SIBE HETTES.
Fensels yn de tael dêr’t nou ús mûle nei stean moat, yn it Dytsk fen
Karel fen Eastenryk!

DE GRIZE MAN.
Den hat it gjin krêft for it folk fen Fryslân! Gjin wearde hat for ús
hwet yn frjemde tael oer ús bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht
om!

Gejûch en gelaits. Gerop fen:

Det hâldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Fryslân!

IN HEGE, FIERE STIMME.
Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen. Allegearre scille
jim jim to bûgen hawwe, lyk as ik my to bûgen haw!

Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de
sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fjûr to barnen.
Heech op ’e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn
swarte reagen. It gejûch fen it folk stjert wei yn gelúster; den swijt
it alhiel. Men heart allinne mear it rûzjen fen de hjerstwyn. Frjemd en
fier klinkt dêroer de stimme fen Fryslân:

FRYSLAN.
Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy’t gjin honk mear hat
yn it heitelân! Hear nei hjar, lyk as men heart nei in stjerrende,
hwent net ien fen jimme scil dit lûd by syn libben mear hearre. Yn
dizze einichste ûre, yn dizze skieding for ieuwen, stean de wierheit
net tsjin dy’t nou wach wirde wol yn jim herten!

Ik bin it, o Friezen, dy’t jim laette troch dizze rige fen moeisume
ieuwen. In lân fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de
krêft fen it libben. Ut de dizen fen it ûnbikende binne wy kleaun ta it
ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme
de nachten ljocht, myn dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet
laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster?

De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat
jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen út ’e skie, om soannen
fen Fryslân to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird
fen Fries tsjin Fries, myn skientme wier it dy’t dylge waerd fen jim
hannen, myn krêft wier it dy’t forblette fen jimme striid. Forlern is
de kroane dy’t ik droeg sûnt myn jonkheit—mar hwet telt in kroane? Wei
binne hja dy’t nêst my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen
hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun
oer de erflike goaën; sels myn rouwe wirdt net ûntsjoen.

Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim mûle. De wytgers
hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy’t jim moannen ta
ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim
lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede
hertstochten binne útgien oer it lân fen myn ljeafde, en jim hawwe de
trou noch de greatens noch de hillichheit ûntsjoen.

Dêrom is myn grime great wirden tsjin jim, dêrom scil ik gjin gedild
mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Fryslân forlit it lân det hjar
jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende,
dy’t yn it libben bitroude; lear nou sels iensumheit to forstean. Jim
scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar
nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom
scil ik gean nei de oarde, dêr’t ik út teach; jim dy’t my haten, sjuch
ho’t jim libje scille sûnder my. Jim adel scil stean yn de hôven fen
frjemden, jim skatten scille forstruid wêze oer de ierde, de eigen tael
fen jim mûle scil lytsachte wêze by eigen en frjemd.

Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje
scil for jim neiteam, salang de âlde forblining yet yn jim formidden
bistiet. Dy dei det jim sizze scille: sels fordreauwen wy hjar, sels
sloegen wy hjar, sels stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen ús
skilden—dy dei scil der hope wêze for jim. Flok net de frjemden, mar
gean yn it rjucht tsjin jimsels.

Forfolle is de tiid, fortein is de swiere ûre. Farwol, o Friezen. Yn
jim formidden is Fryslân—net—mear.

Hja is fordwoun, de loft glânzget yette. Under de minsken komt
biweging, net ien praet lûder as yn lústertoan.

IEN FEN ’E MANNICHTE.
Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen hûs.

IN OAR.
Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit.

IN TRED.
Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn ús earen.

IN FJIRD.
Arbeidzje, arbeidzje—miskien is der útkomst.

It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer.

SIBE HETTES.
Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kinne.

DE BREKLIKE.
Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik rêd my wol.

Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him ôf
fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat
op it West.

DE BREKLIKE.
Noch is der ljocht ... noch is der in bytke ljocht... (_lûder:_) Salang
der ien is dy’t dy ljeavet, meistû ús net forlitte, o Fryslân....

DE STIMME, fierwei.
Salang it folk my net ljeavet, kin ik net yn Fryslân bistean, o soan...

It lêste ljocht stjert wei.

DE BREKLIKE.
O....

Hy falt del by de stapstien en brekt út yn wyld en hertstochtlik
snokkerjen.

De foarhing slút.


De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en
drôvens, dêr’t hiel njunkelytsen in ljochter toan as in sêfte
fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven nêst
inoar mei gelikense krêft; den tilt it ljochte út boppe it dûnkere en
wreidet him út ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding
lûkt omhegen.




IT SECHTE TAFRIEL


MASTER GYSBERT JAPIKS.
JONKER WATSE FEN CAMMINGHA.
SAMUEL FEN HARINGHOUCK.

Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de hérold. Hy bliest en kindiget
oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to
Boalsert.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in keamer yn it hûs fen Master Gysbert; oan hwet der stiet
is dúdlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer brûkt wirdt.
Dêr hearsket in âldfryske skjinnens, dy’t de bliken fen krapte lykwols
net weinimme kin. De mûrre is opset mei stientsjes, op de flier lizze
matten. In greate âlde spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en
matten stoellen; tsjin de mûrre efter rjuchts, in âldfryske klok. In
pear skilderijkes fen Wybrand de Geest binne de ienichste forsiering.
Rjuchts foar, in finster, dêr’t it ljocht fen in iere hjerst trochhinne
falt; dêrnêst in skriuwtaffeltsje, dêr’t folle âlde pompieren oer
forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert, op in
stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha.

Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier âld, mar syn skôging
teikenet heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de
eagen hawwe yette de âlde glâns. De biweging fen syn hannen is ûnwis en
as siikjend; om to lêzen bitsjinnet er him fen in forgreatglês; nou en
den ûnder it praten, tyspelet er hwet om mei in greate goezzefearren
pinne. Syn dracht is dy fen in ienfâldige boargerman, mar keal en
forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige forskining yn
gâns djûrder útris.

DE JONKER.
It is den sa ôfpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze
winter op ’t Amelân forwachtsje?

MASTER GYSBERT, suchtsjend.
Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik ûntankher to lykjen mei al
myn biswieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin
net libje mids de forlieding fen de wrâld. Hy scil hjir togroune gean,
en syn âlden scille stjerre yn earmoed.

DE JONKER.
Dêrmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde
frjeonen yn Fryslân. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op ’t
each haw. De iensumheit fen it eilân koe him bringe ta ynkear.

MASTER GYSBERT.
De sé scil wêze twiske myn soan en ús. Sa biswierlik is de reize fen
Fryslân nei it Amelân, seit men. En wy wirde âld, myn alderljeafste en
ik. Fen ús seis is hy de ienichste dy’t yette oer is. Ik winske him net
fier ôf, as skielk de Heare my roppe scil.

DE JONKER.
Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert.

MASTER GYSBERT.
Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits
hoaske oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen
yn jamkste fâlde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit
forkroppe yn it eigen herte, mei safolle oars.

DE JONKER.
Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master
Gysbert, as my diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de
foartgong fen ús frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje
fen jins ûren fen Fryske stúdzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in
setsje op de ein fen ús ûnderhâld. (_Oerein:_) Ik winskje jo de seine
fen omhegen en in goede sounheit, master Gysbert.

MASTER GYSBERT.
Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstrée groetenis
oerbringe.

De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in
pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck,
útjouwer to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts
fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsjûgenis fen Ingelske
saeklikheit (hy is berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen
Master Gysbert oer. Mar hy hat in rûm en wiid herte, en is myld for de
âlde skriuwer, for hwa’t er in frjemde mingeling fen forearing en
meilijen fielt.

FEN HARINGHOUCK.
Bêste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen!

MASTER GYSBERT.
Wêz wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei
Ingelân lit jo net to ûnfoldien oer ús Fryske sljuchtens.

FEN HARINGHOUCK.
Planút sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to wêzen. Frjemd
is it sa’t jou heitelân sels de bern fen oare kontreijen oanlûkt en ta
eigen makket. Sûnder mis, yn Ingelân is mear tier, mear droktme
binammen. It libben dêr sprekt mei lûder stimme. Mar ienris hjirre
biwend, kin men de myldens fen dit âlde lân min mear misse. Earst en
binammen moat ik jo de rjucht hertlike groetenis oerbringe fen master
Junius to Oxford, frjeone.

MASTER GYSBERT.
Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege
wittenskip forsommet it ûnderhâld fen syn Fryske kennisse net.

FEN HARINGHOUCK.
Dêrfor hie er fierstento goed ûnderrjucht by jo, master Gysbert.
Yndied, hy droeg my op, jo to sizzen det er jo dêrfor tige forplichte
bliuwt. Mei greate wille fornaem er fen it plan fen de útjefte fen jins
rymlerije. Jamk scoe it him oanstean as wy him in pear kopijen for de
bibletéken fen Ingelân biskikten.

MASTER GYSBERT.
Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken ús nommele
Fryske tonge yet eare weardich achtet, mei it ek wêze yn fiere en
frjemde lânnen. Mar oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo
to forstean. Op it ynlikst hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea
ôfnimme det er syn bitinken foroare. Lang haw ik hjiroer tocht en
mimere. Mar ik bin kommen ta dit bislút, frjeone fen Haringhouck: de
Rymlerije moat net by myn libben forskine.

FEN HARINGHOUCK.
Mar master Gysbert! it wirk dêr’t jy sa folle by opset hawwe, det sa to
sizzen! jou hiele libben draegt! det in plak for Fryslân winne moat en
scil yn de kinst fen ús tiden!

MASTER GYSBERT.
Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo
rekkenskip hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik dêrta ré. Frjemd is
it det ik my tsjin jo to uterjen kom oer dingen dêr’t ik nea mei ien
fen it eigen folk yet oer praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy’t
gjin Fries binne fen komôf, better prate as mei mannichien fen ús eigen
minsken.

FEN HARINGHOUCK.
Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my
reden jaen kinne, sterkernôch, om it bislút det jy neamden, to
binlikjen.

MASTER GYSBERT.
Wol harkje, frjeone. Dûrjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen
myn Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit ôf.
Ik sette my dêrta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net mûglik
dichten mei plicht to bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to
libjen. It wier wûnderlik, ik seach hjar brekken en ûnfolsleinens sa
klear. En dochs tsjûgen en songen hja elts mei in eigen lûd. Yn de
dagen fen dizze sêfte hjerst gyng, mei it lûd fen myn fersen, hiel myn
libben wer foar myn eagen foarby.

FEN HARINGHOUCK.
My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen wêzen?

MASTER GYSBERT.
Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder.
Ik haw jounen hawn, det ik de lektuere ôfbrekke moast; myn eagen woene
net mear mei, myn moed wier to fol. Sokke ûngelikense stringen hat it
libben yn myn herte triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn
jonkheit, de earnst fen myn ripens, de drôvens fen myn âlderdom. De
blide jierren to Wytmarsum, ik hearde hjar wer sjongen en laitsjen. Ik
seach my, krêftich en ryp, oan de side fen myn alderljeafste. Ik seach
ús bern lyts, en great wirden ûnder memme en heite noed; ik seach hjar
forreizgjen ta de better kontreijen, ien for ien. Forjow, det ik
safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele
pompier; it wier as seach ik myn eigen libben dêr foar my. Dêrom bin ik
hwet tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben.

FEN HARINGHOUCK.
Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Fryslân scil it oars
forstean?

MASTER GYSBERT.
Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik
hoopje net det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte
wierheit forstean. Safolle spot haw ik heard yn Fryslân, safolle slim
en drôf misbigryp. Ik mien net to sizzen, det hja sûnder fieling binne
for dichting en kinst. Mar hja achtsje hjar eigen sprake net, mei de
âlde Fryske tonge driuwe hja follertiden de spot. In makker fen Fryske
rymkes, lyk as hja it neame, is net folle tel yn Fryslân. Djip treft en
wounet my it domme praet oer de rouwens fen ús sprake. Tinkt jo, ik
sjuch dit to swart?

FEN HARINGHOUCK.
Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert. Mar it is mar al to wier.
For in Ingelskman is it swier to forstean ho’t dit folk syn tael sa
forsmite kin. It is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael
dy’t de Skepper fen ierde en himel hjar joech. Jan Jans Starter, in
frjemd, moast komme, om it earste Fryske liet to sjongen. It is
ûnbigryplik.

MASTER GYSBERT.
Sa is it, for elts dy’t suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen
leit oer Fryslân hinne. Yn it herte fen Fryslân libje wy, en it liket
gjin Fryslân to wêzen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier.
Mar nou stean ik oan de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy’t
det alles ynhat. Jow ik hjar yn it ljocht, it scil my wêze eft it
djûrste fen myn libben ûnder kâlde frjemden komt. To nei scoe it my
gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme. (_Effen
stiltme_.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck?

FEN HARINGHOUCK.
Sa bin ik. Mar....

MASTER GYSBERT, glimkjend.
Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt,
scille jy frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn
sjen, ik naem it jo net kwea ôf. Jy scille de foarste wêze, dy’t it lûd
fen in Frysk sjonger hearre litte scil yn Fryslân.

FEN HARINGHOUCK.
Ik bitsjûgje, gjin soarch scil my dêrfor to great wêze, master Gysbert.

Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel.

MASTER GYSBERT.
Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for
it jounmiel. Dogge ús de wille en jimmetsje mei ús, frjeone fen
Haringhouck, sljucht en rjucht as ús jounspize is.

FEN HARINGHOUCK.
Sok in hoaske noeginge mei ik net ôfslaen, master Gysbert.

Sêft en wijend spilet it oargel fierder. It lêste jounljocht falt troch
it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck
kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn
eagen. As it oargel ophâldt, seit er yette:

FEN HARINGHOUCK.
Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert.

MASTER GYSBERT.
Hokker, frjeone?

FEN HARINGHOUCK.
It kaem yn my op, wylst ik jo dêr sa sitten seach, yn it jounljocht,
oan de ein fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar
wûnderlik is de macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet
libje scil yn Fryslân as de greaten fen ús dagen allang ta moude
forgien binne, ja as de spot en ûnforskilligens oer de eigen tonge,
lang hearre scil ta it forline.

MASTER GYSBERT.
Det it de himel sa haegje mei! Ik tankje jo for dit wird fen
bitrouwen.—En nou, frjeone, lit ús gean ta it jounmiel. (_Hja geane_.)

De foarhing slút.




IT SAUNDE TAFRIEL


PROF. EV. WASSENBERGH.
SYTSE HETTINGA.
REITSE JANS.
FJOUWER OARE STUDINTEN.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de
Akadeemje fen Fryslân”.

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, âlderwetsk en ienfâldich.
Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in búste fen Pallas.
Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids
efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfjûr; dêrboppe in greate
skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel
for de prefester; dêrfoar yn ’e lingte in tafel mei stoellen dêromhinne
for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt
mids yn de keamer. Bûtendoar waeit it fûl, de sigen docht de gerdinen
nou en den forwegen.

Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid
nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel,
in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge
yn spanning nei de doar; it is dúdlik det hja ien forwachtsje.

DE EARSTE STUDINT.
Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strûpt der for om, hwet ik
jim siz!

DE TWADDE.
Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in
earesaek for him. Hy lit it nea slûpe.

DE TREDDE.
Ik mei ’t lije det er it der ôfswit. Dy âlde Mombosius mei wol ris in
ôflear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by
myn propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!

DE FJIRDE.
Dêr komt ien, jonges! (_tsjin de earste:_) Moatst út dy stoel weikomme,
stalke, it kin Wassenbergh sels wol wêze!

DE EARSTE, ûnsteurber.
Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.

DE TREDDE.
Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa lûd as wy kinne: „Ave
triumphator!” As er de prûk hat, komt it him ta; hat er him net, den
stiet er biskamme!

DE OAREN.
Ja, ja! tige!

De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder.
Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Frânsk garde-soldaet, in boek
ûnder de earm. Forbjustering.

DE TWADDE, sjucht it.
Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstû hjir joun yette! En yn dizze
útris!

SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich.
It wier de lêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris
hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer
sparret syn soldaten net.

Hja binne yn ienen stil wirden.

DE FOARSTE.
It bidjert de joun detstû moarn by ús wei moatst.

SYTSE.
Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhâlde oan de ein ta. Tink mar
net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide
gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik hâld ek yet wol fen in moaije
bak, hear!

DE TWADDE.
Reitse Jans scil âlde Mombosius in loech ôfsjen. Dû witst, dy twa hawwe
it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de
âld man syn prúk ûntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by
wierne, en sûnderdet de âlde him yn de lampe hie.

DE TREDDE.
Dêr is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!

De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint,
en hat syn draei tige. De oaren roppe lûd meiinoar: Ave triumphator! Yn
ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei
in steatlik gebeart efter syn rêch de prúk fen prof. Mombosius wei dy’t
er as trofé omheechhâldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne;
Sytse Hettinga hâldt him hwet efterôf.

DE STUDINTEN.
Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!

REITSE JANS.
It wier sa ienfâldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en
jim scille my biwûnderje. Jim witte allegear, âlde Mombosius komt om
dizz’ tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net
for neat sa roun as in tûntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er
to frijen.

DE STUDINTEN.
Det liigstû! Mombosius grien! Optinksels!

REITSE JANS.
Sa wier as ik dizze prúk omheech hâld. Hy hat it forsjoen op de âlde
widdou Truffelsma; dêr sit modder oan ’e kloet. Dêr kuijeret er den
hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun út tûzenen. Piktsjuster, en
it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, nêst it
hoekhús. It wierre my mei en it twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt
do’t âlde Mombosius om ’e hoeke komt, myn beam foarby, in pûster fen
gewelt. Ik mepte him de hoed ôf en pakte teffens syn prúkje beet; sà
hie ’k it.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum
west!

REITSE JANS.
Gjin sprút dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen út myn skûlhoekje
wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ôf, foun syn
hoed werom, mar fensels, it prúkje net! Do kaem it moaiste. Wylst er
dêr yet omsneupt, komt Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it
liif. Mombosius wist net ho’t er der mei oan moast. „Gij vindt mij in
eenige ongelegenheid, collega,” sei er. „De kracht des winds in dit
gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van
het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om. „Ik leau
earder det jy in slach fen de moalpûde as fen de wyn beet hawwe,” sei
er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!

IN OAR.
Hwet moat der nou mei de prúk barre?

DE STUDINTEN TROCH INOAR.
Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje!
Syn snúfdoaze dêryn biwoelje!

REITSE JANS.
Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn
grime is foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stjûre him
in earste klas taert en litte de prúk yn in doaske dêryn bibakke. Wy
litte him bisoargje... By Jupiter, Sytse jonge, bistû hjir ek! Det ’s
al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw.

SYTSE.
Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de bêste fen dyn
fiten.

REITSE JANS.
Moatste moarn foart?

SYTSE.
Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.

Stiltme. Reitse Jans hat it prúkje weimoffele, en liket forbjustere. De
doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en
frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer,
det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjûr geane. Dizze
joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.

WASSENBERGH.
Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?

Hy fûstket mei him.

SYTSE.
Ja, professor.

WASSENBERGH, him oansjende.
De lêste joun?

SYTSE.
Ja, professor.

Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lâns. Effen
liket er yn opstân to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn
pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.

WASSENBERGH.
Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim lêze wollen, frjeonen.
Mar jim moatte my ûntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne
gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen sûnder my hwet skine to litten.
Mar ik kin it dochs ek net for jim stil hâlde. En nou’t Sytse hjir sa
yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne
hjir as goede Friezen mei-inoar.

IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend.
Is der nou _wer_ hwet ... mei de Akadeemje, professor?

WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, rêd, as kin er dêr net lang oer
prate.
Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Det kin net....

Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit
kleardernôch út. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bûtendoar
heart men de wyn, great en fûl. Op it lêst seit

IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje
kin ús dochs net ûntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de
keizer forkeard ynljochte....

WASSENBERGH.
De amptners fen de keizer binne krekternôch. Sadré’t it bisiik fen
Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle
freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t
it west hat. De keizer hat jild nedich, jild—en minsken. Hy hat de list
fen de hegeskoallen foar him krige út syn nije Frânske provinsje; hy
hat sein: seis, det is to djûr. En hy hat in streek helle troch de twa
minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for ús bitsjut, hwet
wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it,
hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrâld dy’t fol fijannen is, hy wol
se delslaen. Hy hat ús yn de macht, hy biskikt oer ús.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje.
(_Lústerjen: Sst, sst, tink derom!_)

IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Mar wy kinne ús Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn
Frjentsjer leare, net mear ús thús hawwe yn it lytse stedtsje, om utens
to learen gean. Fryslân kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang
regearje....

WER IN OAR.
As er falt... Oranje scil helpe! Dit ûnrjucht kin net bistean.

WASSENBERGH.
Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik hâld fen Oranje, en dizze
nacht scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen.
Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it
folk net, hja hearre allinne hwer’t men lûd om ropt. It kin it tinken
net fen my ôfsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it
Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do’t de departemintale
yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar
dy fen Fryslân liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit
hat in ding fen neat for him west.

SYTSE HETTINGA.
Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslân?
Wy hâlde dochs fen ús eigen folk, fen ús sprake. Hwerom stipet men ús
net? Is it net ûnbigryplik?

WASSENBERGH.
Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslân
... wy libje yn it herte fen Fryslân, en it liket gjin Fryslân to
wêzen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen
Boalsert stie allinne. Det is mei ús oars.

REITSE JANS.
Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslân. Wy scille ús bêst
dwaen.

SYTSE HETTINGA, klear dêroer hinne.
As it moat, lit alles falle. De greatens fen Fryslân, de Akadeemje, ús
libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslân libjen bliuwt yn de
herten fen hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.

WASSENBERGH.
Lit dit den ús lêste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige,
forlitten, wy hâlde oan Fryslân fêst. Hja kinne ús birôvje, ús krêft
brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske
Tsjerne net mear lêze. Mar lit ús yet ienris lêze master Gysbert syn
Jounbede, lyk as wy det wend wierne to dwaen.

Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lêzen mei oandiene
stimme.

WASSENBERGH.
Nou is de dei forroun mei ûre en stoune,
Oermits de sinn’ doldûkt, yn wetters groune.
Meitse ús nou, Sliep, fen God om rêstjen jowne,
    Dei’s lêst onboune.

IEN FEN DE STUDINTEN.
Kom swiete sliep, ús eagen firdich binne.
Det swierlik drôgjen net ontstjûrgje ús sinnen.
Det soarch en eangstme ús rêstnjue net oerrinne,
    Noch fré forwinne.

IN OAR, sterker.
Kom swiete sliep. Mar wêz ús fêste boarge
Det nin nachtgrime ús fettet by de loarge,
Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge;
    Hâld wacht en soarge.

IN OAR, heger.
Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine,
Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine,
Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine,
    Ontskake ef skeine.

SYTSE HETTINGA, fêst en klear.
As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare,
Wy firdich moarn-ier t’ ús birop werkeare,
Holp det ús dwaen en litten, ta Jon eare,
    Wol wirdt rejeare.

WASSENBERGH.
As den, frjeonen, ús Akadeemje, dizze fakkel fen Fryslân, dôve wêze
moat yn de stoarm fen ús tiden...

IEN FEN DE STUDINTEN.
Hjar fjûr scil foartbistean yn ús herten....

IN OAR.
En wy scille it útdrage oer hiel Fryslân....

IN OAR.
En der scil wêze in nije dei....

SYTSE HETTINGA.
En der scil wêze: ûntweitsjen.

Prof. Wassenbergh slút syn boek.

De foarhing slút.




IT ACHTSTE TAFRIEL


DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE TWIVEL.
DE STOF.
DE GEAST.
DE IDELHEIT.
DE SKIENTME.
DE DOMMENS.
DE KLEARENS.
DE MISMOED.
IT BITROUWEN.
DE LEFFENS.
DE MOED.
DE TWANG.
DE FRIJHEIT.
DE HATE.
DE LJEAFDE.

Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein
fen Fryslân.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Yn de romte hinget in frjemd
healtsjuster, ûndúdlik sjucht men de seame fen in wâld. Rjuchts en
efter mânske beammen, lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen
in frjemde griene opheging, det in âld alter fen seadden wêze koe; oan
wearskanten dêrfen twiske de beammen stean twa greate lyljes, sletten.

In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhâldend
tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ûnderskaet men
saun foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen
Fryslân, sit as wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet
in tsjustere forskining, bleek en meager, roppend mei in ûnwis en
binearjend lûd:

DE FORSKINING.
Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslân!

DE JONGEREIN.
Hwa bistû dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel út myn dreamen
ûntweitsjen?

DE FORSKINING.
Om dy hinne stiet de himel yn fjûr en de groun dinder’t fen de
fordylging. Pas ier bistû ûntwekke, o Jongerein fen Fryslân. De folken
geane ûnder yn de greatste striid dy’t de wrâld oanskôge. Hoedzje dy,
hoedzje dy, slút dy oan by myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr’t
de geroften fen de striid net mear klinke, dêr’t de ivige stiltme is en
de rêst.

DE JONGEREIN.
Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining.
Mar ik kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat.
Ik noedzje eat, my djûrder as de rêst, djûrder as hokfor stiltme.

DE FORSKINING.
Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld
is de tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dû dos mei sa
greate soarge?

DE JONGEREIN, in glânzgjende skeal fen kristal optillend.
Ik noedzje de tsjelk dêr’t de treast fen Fryslân yn is. Sûnt hja gyng,
dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben.
Unthjit my by it hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy.

DE FORSKINING, skriljend.
Yn frjemde dreambylden bistû bitiisd, o Jongerein fen Fryslân! Ik siz
dy, neat kinstû meifiere op dyn gong troch de barnende wrâld. Lit falle
dit boartersgûd op sterke stien en dû scilst frij wêze for jimmer!

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn
wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn
wêzen is it Neat!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak
fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en
alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden
kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lûd klinkt kreakjend en
droech.

DE FORSKINING.
Folgje my, o Jongerein fen Fryslân! Los binne britsen de krêften fen de
wrâld, yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de
krêft fen dyn jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin
dines!

DE JONGEREIN.
Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o
Forskining. Folle ûnthjitstû my, en nei folle bin ik bigearich. Mar
fjuchtsje scil ik net for idele winst fen de wrâld. Skat haw ik genôch;
biwarje my dy en ik bin ré dy to folgjen.

DE FORSKINING.
Frjemd liket it detstû in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit,
o Jongerein fen Fryslân. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my
dyn skat en ik scil dy bettere wize.

DE JONGEREIN.
Myn skat is de tsjelke dêr’t de treast for Fryslân yn is. Sûnt hja
gyng, dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it
libben. Unthjit my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil
gean dêrstû wiist.

DE FORSKINING.
Riker bistû as ik ealge, o Jongerein fen Fryslân. Mar nêst myn jeften
is bleek en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske ús en lit ús
roalje fen jeften en de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Mei dyn wirden forriedstû dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz
oaren, astû kinst, mar my scilstû earder wêze ta feint as ta hear! Ik
ken dy, o forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is
gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin
oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan
wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.

DE FORSKINING.
Bistû wekker en ré, o Jongerein fen Fryslân?

DE JONGEREIN.
Untwekke bin ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta
hwet moat ik wêze?

DE FORSKINING.
Ta moanning en wytging bin ik dy stjûrd, o Jongerein út in âlde stamme.
De tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat
kostbers is dy bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de
wazem fen it forgean. Draeg it út yn de wrâld, o Jongerein, til it mank
dyn folk omhegen.

DE JONGEREIN.
Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke
teare hannen is dit greate bitroud. Dû hast it ljocht en it witten; nim
dû it en ik wol dy folgje.

DE FORSKINING.
Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dû bitrouwende.

DE JONGEREIN, lústerjend.
Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dû benedijde.

DE FORSKINING.
Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslân. Hwetstû
warrest, is skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje.
Nea kin ik nimme hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown
wirde út genede, astû ynmoedich fregest.

DE JONGEREIN.
Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn
eigen hannen.

DE FORSKINING.
Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en
wirgens. Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje
net it goed fen de ierde.

DE JONGEREIN.
Mar myn skat scil feilich wêze?

DE FORSKINING.
Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit.

DE JONGEREIN.
Ik wol komme, ik wol komme, o geast (_hy forriist alhiel_). Wé my,
swier is de tsjelke en de wei fol neden.

DE FORSKINING.
Gean en gean aloan, o Jongerein fen Fryslân.

Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange
rûzjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de
jongerein en him tsjinkeart.

DE IDELHEIT, laitsjend.
Ha, ha, ha! Yn in moaije útris forskynstû yn de wrâld, myn frjeon. Dit
is dochs in bytke âlderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstû bilake
wirde by útman en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as
mei meilijen en argewaesje!

Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de
jongerein.

DE SKIENTME.
Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn
earmoed. Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net
allinne, de Skientme scil nêst him wêze.

DE IDELHEIT.
Ah!....

Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt út de romte. De jongerein
docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm
yn kostbere útris mei greate wêzenleaze eagen.

DE DOMMENS.
Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrâld to siikjen, heite!
Hjir scilstû fier mei komme! Det in minske him sa oan syn
ljeafhabberijen forgrieme kin! Den moat men ek al fier hinne kommen
wêze, net?

Ien fen de Dieden forriist en giet stean nêst de Jongerein.

DE KLEARENS.
Jow dy ôf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ûnbidige swierens scilstû
gauwernôch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen,
siikje dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean,
hwent de Klearens is nêst him!

DE DOMMENS.
Soa, soa, soa.

Hy wykt fen it paed ôf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd
foarút. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei
bûgde holle, pratend mei kriterich lûd.

DE MISMOED.
Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dû hiest earder wêze moatten.
Alles is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dû moatst
mar nei hûs ta gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude
stoarje.

Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.

IT BITROUWEN.
Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistû sels. Wy
hawwe inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der
better fen wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen
stiet foar dy. Wolst ús hwet rûmte jaen?

DE MISMOED.
Och, och, och...

Hja bigjint to kriten en forlit de rûmte. De Jongerein docht in stap
foarút. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn
lea, in nije foarm.

DE LEFFENS.
Ho doarstû, ho doarstû! Dû witst net hwetstû bigjinst! Ik wik dy, dû
hast it slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht
my der yet fen yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lâns!

Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.

DE MOED.
Wy binne net allegearre bang for ús eigen skaed, ilindige leffens.
Wiswier, by in skôging as dines koe men der oars fen wirde. Mar
somliken geane ta gelok rjuchtop en eangje neat. Dû forfeelst my,
meager spoek. Wolstû mei de Moed dy mjitte? Ut ’e wei, ef dû bist
forlern!

DE LEFFENS.
Oeoeoeh!

Hy filet út, sûnder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarút.
Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gâns forsliten rêsting,
pratend mei in kâld en hird lûd.

DE TWANG.
Ik warskôgje dy. Gjin stap scilstû fierder gean. Ik ha dy nou
langernôch bigean litten. Ik tocht, dû scoest wizer wirde, mar it wirdt
earder minder. Nou scil it út wêze. Dû giest tobek, ef oars....

De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en
giet nêst de Jongerein stean.

DE FRIJDOM.
Scilstû it drôfste fen dyn folle drôve forsinnen bilibje, o Twang. Dû
witst dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken.
Njuggen tsjiende fen dyn wapens hastû forspile yn de striid om dy to
bihearskjen. Wolstû op dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne
ré.

De twang skoddet syn fûst, mar swijt en wykt út de romte. De Jongerein
docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer,
slûpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske,
lústerjende stimme.

DE HATE.
Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom
tagelyk, ik krûp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy
oer yn myn tsjinst, ef dû scilst forstean hwa’t ik bin.

De lêste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein
stean.

DE LJEAFDE.
Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstû my oansjen woest. Den
scoestû de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen.

De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn
eagen.

DE HATE, snokkerjend.
O....

Hy wykt út de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de
Geast, dêr’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden
nige de holle.

DE JONGEREIN.
Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw
myn skat biwarre. Kinstû my wije ta strider?

DE FORSKINING.
Yn de stoarm fen ús tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de
klearens fen de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein
fen Fryslân.

Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.

De foarhing slút.


„Ienkear scil de moarn forrize
Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”

                    Sang fen de Upstalbeam.




IT NJUGGENDE TAFRIEL


DE SISTERS FEN DE NACHT.
DE KENING FEN DE MOARNTIID.
DE TIID.
IT NIJE FRYSLAN.
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE UPSTALBEAM.
WESTERGOA.
EASTERGOA.
DE SAUNWALDEN.
DE STEDDEN.
DE EILANNEN.
NOARD-FRYSLAN.
FRYSLAN OM UTENS.

Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen
foaren mei pompeblêdden forsierd, en in krânse fen reid en
forjit-my-netten op ’e holle; den forskine fen wearskanten twa
hérolden, útrist yn de kleuren fen Fryslân. Hja blieze; de faem stekt
in silveren stêf omhegen en kindiget oan:

„Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Fryslân.”

Hja geane en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht deselde wâldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong
mids efter eat heger. Oer de rûmte hinget in healtsjuster, dêr’t men,
flak by de yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ûnderskaet, drok
dwaende de yngong ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin
de wâldseam, klaeid yn in mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde,
sit de Tiid, roungear. Hy hâldt syn holle yn de hannen en liket as
slomjend; syn stêf leit nêst him.

IEN FEN DE SISTERS FEN DE NACHT.
It is net heal genôch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel!
Jim forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje.

DE TWADDE.
Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in
bêd om op to sliepen. Lekker sêft scoe det lizze.

DE EARSTE.
Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars
yndruije! Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen
hannen de nekke omdraei!

DE TREDDE.
Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de
oar is to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat.

DE EARSTE.
In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it
de Nacht trochdwaen ho gemien jim syn djûre tiid forluiterje.

DE TWADDE.
Oei, oei, oei, nou ha ’k myn bikomst. De wrâld moat himsels mar rêdde.
Ik wol my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep.

Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit.

DE EARSTE.
De eagen scil ik dy útklauwe, dû sleaukemoei, dû ding fen neat! In oar
litstû bodzje en sels spilest de jiffer! Mar dêr haste gjin troanje
for, Slieppekop!

DE TREDDE.
Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar
wer yn ’e hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wrâld dogge.

In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde.

Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It
barnt yn myn hûd!

DE EARSTE EN DE TWADDE.
Wé! wé! nou komt er ús dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o!
fierder lûkt it, wy scille forgean!

DE TREDDE.
Wy moatte flechtsje! Foart, foart!

Mei wylde gjalpen strûze hja út ’e rûmte wei. It ljocht glydt wiid en
roazich oer de rûmte. Beammen, krûden en moas glânzgje yn de frissens
fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fjûr en
mei in strieljende kroane op ’e holle, de kening fen de Moarntiid. Oan
syn side hinget in swird, it hânsel ynlein mei dauwepearels. Yn it
oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ûnderhellet syn swird en
klearret mei ien slach de yngong.

DE MOARNTIID.
De nije dei is bigoun! Wêz wekker, o Tiid!

DE TIID, him oprjuchtsjend.
Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep
de eagen fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker
dei is dit dy’t bigjint mei sa great in dage, o kening?

DE MOARNTIID.
Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid,
meitsje dy op en gean ta it wâld fen Fryslân. Klearje de wei for de
kommende, hwent hjoed scil hja komme fennijs. Forljochtsje de lânsdouwe
fen Fryslân, det hja de eagen fen hjar Frouwe fornoegje.

DE TIID.
Hwet seistû, hwet seistû, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it
antlit fen Fryslân oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen
scil dy’t skûl gyng sa lang yn it grien fen hjar wâlden!

DE MOARNTIID.
It folk fen Fryslân wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider
weaget it ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme
pleatsen, de lústerjende wâlden en de riljende marren binne klear en
nij fen myn glâns. Net fier kin it earste lûd mear ôfwêze fen ús earen,
o Tiid.

DE TIID.
Hark.

Sêft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan
wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen
it liet fen Colmjon: „Wy, wy litte ús tael net farre”, dy’t men heart.

DE MOARNTIID.
It earste ûntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk
bitinke hjar op it forline. Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt
hjarren forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de
winen fen de moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil op dizze earste en tearste lûden Fryslân forskine?

DE TIID.
Hja forriist fen hjar bêd fen blommen en krûd earne yn it hert fen it
wâld. Skerp leit hja it ear to lústerjen, en hja glimket. Mar hja
bringt hjar hân oan de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen
forstiet hja it priizgjen fen it forline allinne. Hja tinkt oan lang
lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark.

Eat tichterby, mar yette op fiere ôfstân heart men sjongen fennijs.
Dizz’ kear binne it it earste en lêste fers fen van der Burg’s: It
Heitelân.

DE MOARNTIID.
Krêftiger wirdt it lûd, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde
ta lân en sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Fryslân
wirdt iepenbier. Ik hear de lûden klinken fen Noard ta Súd, ik sjuch de
rigen hjar foarmjen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op
dit greatst ûnthjit fen Friezene herten Fryslân forskine?

DE TIID.
Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net
mear, yn hjar eagen is in glâns fen earnst. Hja forstiet, de trou oan
hjar komt to libjen ûnder hjar folk. Mar hja mist yette it lûd fen de
jonkheit en hja wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net.
Hark.

Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz’ kear twa fersen fen de
Jongfryske Findelsang. It lûd klinkt al klear oer de romte.

DE MOARNTIID.
Kommen sjuch ik ta de seame fen dit wâld, de jongerein fen Fryslân. Yn
hjar hannen draegt hja in glânzgjende tsjelke, teare en sterke
forskinings geane myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de
klearens fen de mieden, blommen en herten geane iepen fen myn ljocht.
Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by dizze glâns fen
jonge wijing Fryslân forskine?

DE TIID.
Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy’t nou nij foar
hjar útleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy’t de Geast hjar bea;
hja siert hjar hier dêrmei, ta in tsjûgenis fen hjar wêzen. Mar hja
nimt de hannen gear en freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en
komt yette net. Hark.

Oan de grins fen de rûmte dy’t men oanskôget klinkt in sjongen fennijs.
Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen
de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts.

DE MOARNTIID.
In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed
wreidet in mânske iik dêrop syn tûken fen ieuwen út. Ik lêz de wirden
ûnder det findel, en hja binne: _rursum viridis_, grien fennijs. Ik
sjuch it folk dêrefter yn greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil by de groetenis fen dit findel Fryslân forskine?

DE TIID.
Hja strûst oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it
langstme. Iepen geane de wâldfioelen, en de fûgels sjonge it lok oer
hjar út. Fierder en fierder strûst hja en rounom nige de beammen. Hja
forstiet de ienheit fen hjar folk, hja scil forskine.

Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte krêftige bazúnstjit.
Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Fryslân, de tsjelk hâldend
yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy’t de wei mei hjar
gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de
Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter
fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen dêrmank
struijend foar de foetten fen Fryslân, en yn hjar formidden Fryslân
sels. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei
de kroane fen de Geast.

DE TIID.
Ik dy’t it earste dy moete, hwaens fjilden dû sokke lange en swiere
ieuwen bigyngst, hwaens fjilden dû nou wer bigean scilst fen nijs,—o
mei it wêze ta lok fen dyn folk en ta dines—, doch dy myn groetenis, o
Fryslân.

DE MOARNTIID.
Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy’t
opkommen seach út it tsjuster de krêften fen dyn folk, ien for ien, nij
en sterk yn it witten fen dyn weromkomst—o mei hja wêze for jimmer—doch
dy myn groetenis, o Fryslân.

DE JONGEREIN.
Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn
Treast bitroud waerd, dy’t ik dy suver en ûnskeind weromwij, ik, dy’t
great wirden bin yn dyn hope en my yn dyn ljeafde ûntjown ha, doch dy
myn groetenis, o Fryslân.

Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Fryslân del.

DE UPSTALBEAM.
Ik, for hwa’t it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it
ûnôfwiisber bitingst for dyn weromkomst, dy’t my opmeitsje striidber
fierder to gean for dy—o mei it wêze sûnder de ûnsillige âlde
forblining,—doch dy myn groetenis, o Fryslân.

Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de
folgjende hilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts
en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Fryslân.

WESTERGOA.
De âlde goa fen Westergoa, dêr’t de terpen lizze, it honk fen dyn bern
sûnt it bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

EASTERGOA.
De âlde goa fen Eastergoa, dêr’t de wâlden rûzje, dêr’t de striid om
dyn hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy
hjar groetenis, o Fryslân.

DE SAUNWALDEN.
De jonge goa fen de Saunwâlden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern
yn in nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o
Fryslân.

DE STEDDEN.
It ketier fen de stêdden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde,
nou fen nijs forfolle fen dyn wêzen en dyn lûd, docht dy syn groetenis,
o Fryslân.

DE EILANNEN.
De lange rige fen eilannen, dêr’t de skûmjende sé tsjin briek, de meast
omfochten en omstoarme dielen fen dyn lânsdouwe, dogge dy hjar
groetenis, o Fryslân.

NOARD-FRYSLAN.
De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it stamlân, mar biwarjend
dyn sprake en dyn wêzen, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

FRYSLAN OM UTENS.
De mienskip fen de Friezen dy’t honk en brea siikje moasten om utens,
mar dy’t yn de kjeld en de tropen fen it útlân yette dyn ljeafde
biwarren, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

FRYSLAN.
Fryslân docht dy hjar groetenis, o folk fen Fryslân! Djip wierstû
fallen en sonken, mar de krêft fen de âlde stamme forliet dy net.
Fennijs sjuch ik dy stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de
lottering fen myn skiednis oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim
greiden en wâlden, oer de glâns fen jim marren, en gjin bern fen
Fryslân ef it scil myn wijing yn syn herte forstean—

Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
om de tiid dêr’t jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten
dy’t my tsjinnen, joegen my folle greats: yn de gielgoede fen myn
ûnthâld leit it biwarre as in skat, en Fryslân scil hjar hjar eare
wiswier net ûnthâlde. Mar nou moatstû stean yn in oare wrâld, o myn
folk, en yn oar formidden moatstû dyn wêzen biwarje. Forstean det ik
net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare
kontreijen—

Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken rôp ik ta
greate skôging en krêften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte
ûren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik
tankber bin for skientme allinne. Sa hwa’t arbeidet for my mei de trou
fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste
wirk for Fryslân—

Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben:
warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is ús wirk,
rjuchtlik ús striid, mar machtich is it misbigryp fen de wrâld. Sjuch
ta det nea net nije bitizing ûntstiet yn jim herten en fen nijs jim
fiert yn ’e lichte. Sa hwa’t my siket, scil my fine; stridend yn de
klearens fen Fryslân, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim
ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing.

Ik groetsje dy, o folk fen Fryslân. Hâld dyn stêf omhegen, o Tiid; lit
dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs.

De Tiid tilt syn stêf omhegen, oer de rûmte lûkt it folle ljocht fen de
dei. In sêft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de rûmte; it
binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it
sjongen oan; den wirdt de rûmte it skôgjen ûnttein.

De foarhing slút.


— E I N. —




*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK FRYSLÂN ***


    

Updated editions will replace the previous one—the old editions will
be renamed.

Creating the works from print editions not protected by U.S. copyright
law means that no one owns a United States copyright in these works,
so the Foundation (and you!) can copy and distribute it in the United
States without permission and without paying copyright
royalties. Special rules, set forth in the General Terms of Use part
of this license, apply to copying and distributing Project
Gutenberg™ electronic works to protect the PROJECT GUTENBERG™
concept and trademark. Project Gutenberg is a registered trademark,
and may not be used if you charge for an eBook, except by following
the terms of the trademark license, including paying royalties for use
of the Project Gutenberg trademark. If you do not charge anything for
copies of this eBook, complying with the trademark license is very
easy. You may use this eBook for nearly any purpose such as creation
of derivative works, reports, performances and research. Project
Gutenberg eBooks may be modified and printed and given away—you may
do practically ANYTHING in the United States with eBooks not protected
by U.S. copyright law. Redistribution is subject to the trademark
license, especially commercial redistribution.


START: FULL LICENSE

THE FULL PROJECT GUTENBERG LICENSE

PLEASE READ THIS BEFORE YOU DISTRIBUTE OR USE THIS WORK

To protect the Project Gutenberg™ mission of promoting the free
distribution of electronic works, by using or distributing this work
(or any other work associated in any way with the phrase “Project
Gutenberg”), you agree to comply with all the terms of the Full
Project Gutenberg™ License available with this file or online at
www.gutenberg.org/license.

Section 1. General Terms of Use and Redistributing Project Gutenberg™
electronic works

1.A. By reading or using any part of this Project Gutenberg™
electronic work, you indicate that you have read, understand, agree to
and accept all the terms of this license and intellectual property
(trademark/copyright) agreement. If you do not agree to abide by all
the terms of this agreement, you must cease using and return or
destroy all copies of Project Gutenberg™ electronic works in your
possession. If you paid a fee for obtaining a copy of or access to a
Project Gutenberg™ electronic work and you do not agree to be bound
by the terms of this agreement, you may obtain a refund from the person
or entity to whom you paid the fee as set forth in paragraph 1.E.8.

1.B. “Project Gutenberg” is a registered trademark. It may only be
used on or associated in any way with an electronic work by people who
agree to be bound by the terms of this agreement. There are a few
things that you can do with most Project Gutenberg™ electronic works
even without complying with the full terms of this agreement. See
paragraph 1.C below. There are a lot of things you can do with Project
Gutenberg™ electronic works if you follow the terms of this
agreement and help preserve free future access to Project Gutenberg™
electronic works. See paragraph 1.E below.

1.C. The Project Gutenberg Literary Archive Foundation (“the
Foundation” or PGLAF), owns a compilation copyright in the collection
of Project Gutenberg™ electronic works. Nearly all the individual
works in the collection are in the public domain in the United
States. If an individual work is unprotected by copyright law in the
United States and you are located in the United States, we do not
claim a right to prevent you from copying, distributing, performing,
displaying or creating derivative works based on the work as long as
all references to Project Gutenberg are removed. Of course, we hope
that you will support the Project Gutenberg™ mission of promoting
free access to electronic works by freely sharing Project Gutenberg™
works in compliance with the terms of this agreement for keeping the
Project Gutenberg™ name associated with the work. You can easily
comply with the terms of this agreement by keeping this work in the
same format with its attached full Project Gutenberg™ License when
you share it without charge with others.

1.D. The copyright laws of the place where you are located also govern
what you can do with this work. Copyright laws in most countries are
in a constant state of change. If you are outside the United States,
check the laws of your country in addition to the terms of this
agreement before downloading, copying, displaying, performing,
distributing or creating derivative works based on this work or any
other Project Gutenberg™ work. The Foundation makes no
representations concerning the copyright status of any work in any
country other than the United States.

1.E. Unless you have removed all references to Project Gutenberg:

1.E.1. The following sentence, with active links to, or other
immediate access to, the full Project Gutenberg™ License must appear
prominently whenever any copy of a Project Gutenberg™ work (any work
on which the phrase “Project Gutenberg” appears, or with which the
phrase “Project Gutenberg” is associated) is accessed, displayed,
performed, viewed, copied or distributed:

    This eBook is for the use of anyone anywhere in the United States and most
    other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
    whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
    of the Project Gutenberg License included with this eBook or online
    at www.gutenberg.org. If you
    are not located in the United States, you will have to check the laws
    of the country where you are located before using this eBook.
  
1.E.2. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is
derived from texts not protected by U.S. copyright law (does not
contain a notice indicating that it is posted with permission of the
copyright holder), the work can be copied and distributed to anyone in
the United States without paying any fees or charges. If you are
redistributing or providing access to a work with the phrase “Project
Gutenberg” associated with or appearing on the work, you must comply
either with the requirements of paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 or
obtain permission for the use of the work and the Project Gutenberg™
trademark as set forth in paragraphs 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.3. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is posted
with the permission of the copyright holder, your use and distribution
must comply with both paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 and any
additional terms imposed by the copyright holder. Additional terms
will be linked to the Project Gutenberg™ License for all works
posted with the permission of the copyright holder found at the
beginning of this work.

1.E.4. Do not unlink or detach or remove the full Project Gutenberg™
License terms from this work, or any files containing a part of this
work or any other work associated with Project Gutenberg™.

1.E.5. Do not copy, display, perform, distribute or redistribute this
electronic work, or any part of this electronic work, without
prominently displaying the sentence set forth in paragraph 1.E.1 with
active links or immediate access to the full terms of the Project
Gutenberg™ License.

1.E.6. You may convert to and distribute this work in any binary,
compressed, marked up, nonproprietary or proprietary form, including
any word processing or hypertext form. However, if you provide access
to or distribute copies of a Project Gutenberg™ work in a format
other than “Plain Vanilla ASCII” or other format used in the official
version posted on the official Project Gutenberg™ website
(www.gutenberg.org), you must, at no additional cost, fee or expense
to the user, provide a copy, a means of exporting a copy, or a means
of obtaining a copy upon request, of the work in its original “Plain
Vanilla ASCII” or other form. Any alternate format must include the
full Project Gutenberg™ License as specified in paragraph 1.E.1.

1.E.7. Do not charge a fee for access to, viewing, displaying,
performing, copying or distributing any Project Gutenberg™ works
unless you comply with paragraph 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.8. You may charge a reasonable fee for copies of or providing
access to or distributing Project Gutenberg™ electronic works
provided that:

    • You pay a royalty fee of 20% of the gross profits you derive from
        the use of Project Gutenberg™ works calculated using the method
        you already use to calculate your applicable taxes. The fee is owed
        to the owner of the Project Gutenberg™ trademark, but he has
        agreed to donate royalties under this paragraph to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation. Royalty payments must be paid
        within 60 days following each date on which you prepare (or are
        legally required to prepare) your periodic tax returns. Royalty
        payments should be clearly marked as such and sent to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation at the address specified in
        Section 4, “Information about donations to the Project Gutenberg
        Literary Archive Foundation.”
    
    • You provide a full refund of any money paid by a user who notifies
        you in writing (or by e-mail) within 30 days of receipt that s/he
        does not agree to the terms of the full Project Gutenberg™
        License. You must require such a user to return or destroy all
        copies of the works possessed in a physical medium and discontinue
        all use of and all access to other copies of Project Gutenberg™
        works.
    
    • You provide, in accordance with paragraph 1.F.3, a full refund of
        any money paid for a work or a replacement copy, if a defect in the
        electronic work is discovered and reported to you within 90 days of
        receipt of the work.
    
    • You comply with all other terms of this agreement for free
        distribution of Project Gutenberg™ works.
    

1.E.9. If you wish to charge a fee or distribute a Project
Gutenberg™ electronic work or group of works on different terms than
are set forth in this agreement, you must obtain permission in writing
from the Project Gutenberg Literary Archive Foundation, the manager of
the Project Gutenberg™ trademark. Contact the Foundation as set
forth in Section 3 below.

1.F.

1.F.1. Project Gutenberg volunteers and employees expend considerable
effort to identify, do copyright research on, transcribe and proofread
works not protected by U.S. copyright law in creating the Project
Gutenberg™ collection. Despite these efforts, Project Gutenberg™
electronic works, and the medium on which they may be stored, may
contain “Defects,” such as, but not limited to, incomplete, inaccurate
or corrupt data, transcription errors, a copyright or other
intellectual property infringement, a defective or damaged disk or
other medium, a computer virus, or computer codes that damage or
cannot be read by your equipment.

1.F.2. LIMITED WARRANTY, DISCLAIMER OF DAMAGES - Except for the “Right
of Replacement or Refund” described in paragraph 1.F.3, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation, the owner of the Project
Gutenberg™ trademark, and any other party distributing a Project
Gutenberg™ electronic work under this agreement, disclaim all
liability to you for damages, costs and expenses, including legal
fees. YOU AGREE THAT YOU HAVE NO REMEDIES FOR NEGLIGENCE, STRICT
LIABILITY, BREACH OF WARRANTY OR BREACH OF CONTRACT EXCEPT THOSE
PROVIDED IN PARAGRAPH 1.F.3. YOU AGREE THAT THE FOUNDATION, THE
TRADEMARK OWNER, AND ANY DISTRIBUTOR UNDER THIS AGREEMENT WILL NOT BE
LIABLE TO YOU FOR ACTUAL, DIRECT, INDIRECT, CONSEQUENTIAL, PUNITIVE OR
INCIDENTAL DAMAGES EVEN IF YOU GIVE NOTICE OF THE POSSIBILITY OF SUCH
DAMAGE.

1.F.3. LIMITED RIGHT OF REPLACEMENT OR REFUND - If you discover a
defect in this electronic work within 90 days of receiving it, you can
receive a refund of the money (if any) you paid for it by sending a
written explanation to the person you received the work from. If you
received the work on a physical medium, you must return the medium
with your written explanation. The person or entity that provided you
with the defective work may elect to provide a replacement copy in
lieu of a refund. If you received the work electronically, the person
or entity providing it to you may choose to give you a second
opportunity to receive the work electronically in lieu of a refund. If
the second copy is also defective, you may demand a refund in writing
without further opportunities to fix the problem.

1.F.4. Except for the limited right of replacement or refund set forth
in paragraph 1.F.3, this work is provided to you ‘AS-IS’, WITH NO
OTHER WARRANTIES OF ANY KIND, EXPRESS OR IMPLIED, INCLUDING BUT NOT
LIMITED TO WARRANTIES OF MERCHANTABILITY OR FITNESS FOR ANY PURPOSE.

1.F.5. Some states do not allow disclaimers of certain implied
warranties or the exclusion or limitation of certain types of
damages. If any disclaimer or limitation set forth in this agreement
violates the law of the state applicable to this agreement, the
agreement shall be interpreted to make the maximum disclaimer or
limitation permitted by the applicable state law. The invalidity or
unenforceability of any provision of this agreement shall not void the
remaining provisions.

1.F.6. INDEMNITY - You agree to indemnify and hold the Foundation, the
trademark owner, any agent or employee of the Foundation, anyone
providing copies of Project Gutenberg™ electronic works in
accordance with this agreement, and any volunteers associated with the
production, promotion and distribution of Project Gutenberg™
electronic works, harmless from all liability, costs and expenses,
including legal fees, that arise directly or indirectly from any of
the following which you do or cause to occur: (a) distribution of this
or any Project Gutenberg™ work, (b) alteration, modification, or
additions or deletions to any Project Gutenberg™ work, and (c) any
Defect you cause.

Section 2. Information about the Mission of Project Gutenberg™

Project Gutenberg™ is synonymous with the free distribution of
electronic works in formats readable by the widest variety of
computers including obsolete, old, middle-aged and new computers. It
exists because of the efforts of hundreds of volunteers and donations
from people in all walks of life.

Volunteers and financial support to provide volunteers with the
assistance they need are critical to reaching Project Gutenberg™’s
goals and ensuring that the Project Gutenberg™ collection will
remain freely available for generations to come. In 2001, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation was created to provide a secure
and permanent future for Project Gutenberg™ and future
generations. To learn more about the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation and how your efforts and donations can help, see
Sections 3 and 4 and the Foundation information page at www.gutenberg.org.

Section 3. Information about the Project Gutenberg Literary Archive Foundation

The Project Gutenberg Literary Archive Foundation is a non-profit
501(c)(3) educational corporation organized under the laws of the
state of Mississippi and granted tax exempt status by the Internal
Revenue Service. The Foundation’s EIN or federal tax identification
number is 64-6221541. Contributions to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation are tax deductible to the full extent permitted by
U.S. federal laws and your state’s laws.

The Foundation’s business office is located at 809 North 1500 West,
Salt Lake City, UT 84116, (801) 596-1887. Email contact links and up
to date contact information can be found at the Foundation’s website
and official page at www.gutenberg.org/contact

Section 4. Information about Donations to the Project Gutenberg
Literary Archive Foundation

Project Gutenberg™ depends upon and cannot survive without widespread
public support and donations to carry out its mission of
increasing the number of public domain and licensed works that can be
freely distributed in machine-readable form accessible by the widest
array of equipment including outdated equipment. Many small donations
($1 to $5,000) are particularly important to maintaining tax exempt
status with the IRS.

The Foundation is committed to complying with the laws regulating
charities and charitable donations in all 50 states of the United
States. Compliance requirements are not uniform and it takes a
considerable effort, much paperwork and many fees to meet and keep up
with these requirements. We do not solicit donations in locations
where we have not received written confirmation of compliance. To SEND
DONATIONS or determine the status of compliance for any particular state
visit www.gutenberg.org/donate.

While we cannot and do not solicit contributions from states where we
have not met the solicitation requirements, we know of no prohibition
against accepting unsolicited donations from donors in such states who
approach us with offers to donate.

International donations are gratefully accepted, but we cannot make
any statements concerning tax treatment of donations received from
outside the United States. U.S. laws alone swamp our small staff.

Please check the Project Gutenberg web pages for current donation
methods and addresses. Donations are accepted in a number of other
ways including checks, online payments and credit card donations. To
donate, please visit: www.gutenberg.org/donate.

Section 5. General Information About Project Gutenberg™ electronic works

Professor Michael S. Hart was the originator of the Project
Gutenberg™ concept of a library of electronic works that could be
freely shared with anyone. For forty years, he produced and
distributed Project Gutenberg™ eBooks with only a loose network of
volunteer support.

Project Gutenberg™ eBooks are often created from several printed
editions, all of which are confirmed as not protected by copyright in
the U.S. unless a copyright notice is included. Thus, we do not
necessarily keep eBooks in compliance with any particular paper
edition.

Most people start at our website which has the main PG search
facility: www.gutenberg.org.

This website includes information about Project Gutenberg™,
including how to make donations to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation, how to help produce our new eBooks, and how to
subscribe to our email newsletter to hear about new eBooks.