De jongfryske biweging

By Douwe Kalma

The Project Gutenberg eBook of De jongfryske biweging
    
This ebook is for the use of anyone anywhere in the United States and
most other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
of the Project Gutenberg License included with this ebook or online
at www.gutenberg.org. If you are not located in the United States,
you will have to check the laws of the country where you are located
before using this eBook.

Title: De jongfryske biweging

Author: Douwe Kalma

Release date: April 12, 2025 [eBook #75842]

Language: Frisian

Original publication: Dokkum: Bergsma, 1915


*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK DE JONGFRYSKE BIWEGING ***

De Jongfryske Biweging

fen D. Kalma




For myn fryske en ingelske frjeonen.




Ynhâld

 I. Ynlieding
 II. De persoanlike kinst
 III. De ûntwikkeljende utering
 IV. Us taelstriid
 V. Stipers
 VI. De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema




I.


By it bigjin fen dit wirkje, dat troch earlik en frijmoedich utering to
jaen oan itjinge tsjinwirdich omgiet yn herte en forstân fen ’e
moedichsten ûnder ús jonge, opbloeijende fryske skriuwers, meiwirkje
wol om it safier to bringen, det ús letterkinde, dat is: de
wjerspegeling fen ús fielen en tinken, mei eare, sûnder meilydsum
glimke alteast, neamd wirdt neist dy fen oare, mei it den ek wêze
machtiger en talriker foltsen, binammen neist dy fen Hollân—dit ommers
stiet wol fêst, det ús sprake foar alles to soargjen hat hwet folmakke
uteringswize en kleurich wirdebrûkme oanbilanget net minderwirdich to
wêzen oan hjar gefaerlikste sister—bin ik wol tige binijd nei it
oardiel, det oer myn uterings fen ’e measte lêzers útspritsen wirde
scil, en de ynfloed dos, dy ’t dit wirkje hawwe kin op ús
skriftenkennisse en taelstriid.

De soargeleazens for ús tael, dochs in geastelik goed fen it heechste
wicht, dy ’t men mismoedich sa faken merkbyt by ’t fryske folts, is
foarâl hjirtroch ûntstien det de fryske foarmannen, eang det hja
twongen wirde scoenen ta to jaen, det hjar wolmienende lieding sûnder
geastdrift en dertroch earm oan fortuten west hie, der nea net ta gear
komme koenen, hjar lânsljuwe earlik yn to ljochtsjen oer de wezentlike,
ridlik ûnbihaechlike tastân. Mar om ’t it ûndwâenlik is in syktme to
genêzen, sa lang men syn bistean ûntstriidt en dochs al dalik de
soargeleazens, hwerop ik niis-krektsa doelde, in blyk is fen in net
soune en geve stân fen-saken, scil yn dit wirkje it foarbyld fen
ûnoprjochtens net neifolge wirde, en wol ik ynliker klam, as men oant
nou ta wend wier, lizze op ’e gefaren dy ’t ús sprake bidriigje, om den
nei to gean, ho ’t men dy it bêst hjar slimme macht ûntnimme kin.

Fensels sprekt it, det ik allinnich troch dit to dwaen, al faek yn
tsjinstriid komme moat mei de wichtichste uterings fen somlike fryske
foarmannen, dy ’t, ynsjênd det de tastân fen ús tael earnstich wier,
mar dochs fen bitinken, det it winskelik like dit to’n earsten mar hwet
stil to hâlden, om ’t oars it biswier, det hiel ús streevjen omdôch
wier, him ringen wer hearre litte scoe, frijichheit founen jimmerwer
fleurige teltsjes to dwaen oer ’e takomst fen ús tael. Net minder scil
ik der op wize moatte, det wylst somliken fen ús taelstriid-lieders,
binammen de konservative ljuwe fen it Haedbestjûr fen it greate
Selskip, it altiden bjuster drok hawwe mei to dwaen, eft hja tige
warber wiernen, yn ’e lêste jierren, wylst de tastân súntsjeswei al
earnstiger en gammeler wirdt, noch eat fen bilang ta stân kaem troch in
moedich oanpakken fen selskipswegen, noch der oars eat barde, dat hwet
brûksume krêft oan ús sprake tafoege.

Hwennear in krêftich lân, ryk oan warbere biwenners, him mei sok in
forbjusterjende rêddens bigjint to ûntwikkeljen, det oare steaten,
mânsk fen groeikrêft mar mei lytser tal boargers, der minder nochlike
ynfloed fen bigjinne to ûnderfinen, om ’t it earste war docht de
grinzen fierder út to lizzen, sadet syn bûrlânnen ôftakje yn
bitsjutting, den kin der wis gjin twivel bistean, ef in
frjeonskipsforhâlding wirdt op ’en dûr twisken hjarren ûnmûlk. Wol ek
in krêftige tael winne oan gebiet en moat dertroch in sistersprake in
diel fen syn fjild ôfstean, wylst op it oerbliuwend diel de ynfloed fen
’e oare jimmer klearder en pynliker wirdt, wis hat men den rjocht, ho
stikum en geheimich sok in striid tagean mei, to sizzen det sokke talen
yn hjar ynlikst wêzen fijânnich jin eltsoar oer steane en scoe it al in
tige nuver stypjen fen ’e bidrige tael hjitte moatte, de miening yet to
fordigenjen, det fen in gefaer gjin praet wêze kin. Om ’t nou soks wis
it gefal is twisken Frysk en Hollânsk en men forwachtsje mei, det it
fryske folts, wirdt der mar ienris earnstich op wiisd, fiele scil det
it syn plicht is him to meitsjen ta fordigener fen ’e eigen tael, kin
inkeld dit de konsekwinsje wêze fen it fjochtsjen for ’e fryske saek,
det wy mei ús lânsljue bisiikje scille, ús tael al hjar rjochten werom
to jaen, om der brûkme fen to meitsjen yn safier dit oerienkomt mei it
deistich praktysk libben.

Dit is it suver doel fen ús taelstriid. Hwet nou de fryske
skriftenkennisse oanbilanget, dy ’t as gefolch fen lange jierren fen
fortretlike forsloffing sa earmtlik waerd, dat eltse Fries mei fieling
for syn tael him deroer skamje moat, ek hjir liket it ridlik-ienfâldich
to kommen ta it wyt fen eltse letterkinde: in suvere kinst, dy ’t yn
steat is de eare fen ús tael heech to hâlden en de
geastelik-heechststeanden ûnder ús lânsljuwe bringt ta meifielen en
wirdearringe. Om ’t wy wol nea net brek hienen oan skriuwers mei wier
en suver talint, en foarâl noutiids net, lyk as men foartdalik bifine
scil, kinne wy ús lokkich priizgje om it bisit fen in goede
skriftenkennisse, sadré wy bislute ús dichters en proazeskriuwers de
meast folsleine uterings-frijdom ta to stean, dy ’t in skriuwer fen
neden hat om suver, lyk him dat sels it bêst haget en lyk as hy de
ljeaflikste harmonije fielt twisken syn tinzen en syn utering, syn
fieling to forklankjen. In skriftenkennisse dy twongen wirdt ta in
folgjen-út-âlderwenst, sadet hjar dichters inkeld den wirdearringe fine
scille, honear hja, eang fen ûnbikendens, derta bislute eigen utering
en faek sels eigen fieling to fordraeijen, scil in ivige en hounske
mislediging bliuwe for de greate kinst, hwerfen hja in diel útmakket.

De bêste tsjinsten oan ús tael scil dos sûnder twivel hy biwiizgje, dy
’t de konsekwinsjes fen syn bigjinsels oandoar en dy ’t, fordigenjend
de rjochten fen syn eigen sprake en de ynfloed fen it Hollânsk
bistridend, sels net skrutel wirdt as er bifynt det ek de Hollanders
bisiikje mei earlike en ûnearlike middels de grinzen fen hjar
taelgebiet út to lizzen, mar ek hjarren moedich tomjitte giet. It
treflikst as letterkindige is yn ús tael like goed as rounom oars hwa
’t syn fieling, sûnder rekkenskip to hâlden mei ynfloeden fen ’e wrâld
om him hinne, sa suver uteret, det de harmonije twisken foarm en ynhâld
folslein wirdt.

It krêftichst scoe nou de taelstriid tsjinne wirde, as de Friezen
bislute koenen neist inoar to fjochtsjen, net for it bihâld, mar
aldermeast for de rjochten fen hjar tael, sûnder persoanlike kwesjes
mear to biachtsjen en sûnder in ûnfortsjinne wearde ta to kennen oan
somlike forskeel-punten, dy ’t mei hwet ynskiklikens maklikernôch
oersljochte wirde koenen. Us skriftenkennisse scoe ringen hiel hwet
foarútgean yn geastelike bitsjutting, sa gau men der ta gear kaem de
dichter hielendal frij to jaen hwet de wize-fen-uterjen oanbilanget en
it getsjânsel fen bigryplikens en ienfâld, beide wirden dy ’t foarâl
brûkt wirde om de namme fen somlike folkskinstskriuwers tsjin oanfallen
to fordigenjen, as ûnsuvere bigripen bringend en bitizing stiftsjend
net mear taliet.

Mar it ûntbrekken fen in krityk, dy ’t de wiere fortsjinsten fen ús
skriuwers en taelstriders oanjoech, en net dildzje woe det ûnfortsjinne
eare somlike minsken heger stelde as hja hearden to stean, brocht mei
det faken ljuwe, dy ’t net allinne de boppeneamde opfettings net
oannamen, mar der sels net nei dwaen woenen, en sa taelstriid en
skriftenkennisse hjar rykste krêft binamen, de hilde krigen, dy ’t
inkeld it suver talint takaem. En omdet der ûnder ús jinwirdige fryske
lieders somliken binne, dy’t ljeaver ús bigjinsels forknoeije en it
Hollânsk stypje, as ôfstân dogge fen eigen ûnfortsjinne hilde, dy ’t út
in lytse en leffe earsucht de saek fen it Frysk forriede, scil men net
earder ús taelstriid wer trochsette kinne mei úthâldende krêft, as der
ûnmeilydsum in ein makke is oan ’e ynfloed fen sokke ljuwe. Om ’t der
fierders forskate fryske skriuwers libje, dy ’t allinnich hjar namme to
tankjen hawwe oan hjar jimmerwer delknibbeljen for ’e ginst fen it
folts, en dy ’t tige bêst foar ’t forstân hawwe det hja as kinstner
neat bitsjutte, kinne wy inkeld den wer hope hawwe op swider bloei fen
ús skriftenkennisse, as sokke folksslaven de achtinge wer ûntnommen is
om dizze de wiere hearskers mei-it-wird wer ta to wijen.

Net earder scille wy dos de striid-nei-bûten bigjinne kinne ear ’t der
oan ’e ynrjochting fen ús eigen gebiet net sa folle mear haperet, det
it ús hinderet yn ’e striid, en ear ’t wy sokken, dy ’t de ynfloed fen
it Hollânsk fordigenjend en stypjend, ús yn ’e rêch oanfalle koenen,
alle ynfloed binommen hawwe. It bliuwt in greate fortsjinste fen ’e
Jong-Friezen, det hja soks ynseagen en it tsjoede op eigen fjilden
krêftich bistride wolle, ear ’t hja, fjochtsjend for ’e rjochten fen ús
tael, bisiikje de ôfbrekkende ynfloed fen it Hollânsk tsjin to gean, al
binne hja wol alderminst fen doel út it each to forliezen, det ek for
it lêste de tiid kommen is. Yn dit wirkje scil dos wiidweidich oanjown
wirde ho ’t wy foar ús nommen hawwe to wirk to gean hwet taelstriid en
skriftenkennisse oangiet, soks mei de hope det elts, dy ’t it
neikommende lêst mei krektens en oandacht, him it suver ynsjoch, dat ús
gelyk jaen wol, net binimme litte scil troch de krêft fen ’e sleur en
it âlderwetsk brûkme, hwertsjin wy alderearst yn forset komme wolle.

De jongfryske biweging wirdt troch dit boekje ynlet.

Mar ik ken myn lânsljuwe foldwaende om to fielen, det it net genôch is,
as ik op de folgjende siden sa klear mûlk oanjow hwet dizze biweging ta
stân bringe, en op hokker wize hja hjar doel birikke wol, mar det ik it
like goed as myn plicht biskôgje moat to biwiiz’gjen, det de biweging
in deugdelik _rjocht fen bistean_ hat. De faek hwet al to praktyske,
bûtenwenstich-forsichtige libbensoertsjûging fen de Friezen bringt mei,
det al sjogge hja yn, det it doel fen de ien-as-oare foarstien, hwet
souns hat, hja der dochs net ta oergeane sok in streevjen to stypjen,
as it hjar net klear oan it forstân brocht wirdt, det der gjin kar mear
bistiet, en eltse oare wei laet nei in sompe ef ôfgroun. De measte
minsken ljeavje in blom, sadré dy, kommen ta ripe ûntwikkeling en
ljeaflike iepentearing fen syn pronk, it each fornoeget troch syn swide
rykdom fen kleur, mar in Fries is net tofreden ear ’t de blom yn hjar
lústertael him yn ’t ear reaunte hat det op it plak, nou troch hjar
ynnomd, dochs net in nôt-ier dije koe, en det hjar oanwêzen net inkeld
hearlik mar ek needsakelik is. Den earst bigjint der in twinkeljend
libben yn de blauwe eagen fen in Fries, en him rjochtsjend ta hwa ’t
him selskip hâlde, seit er rêstich: „Wis, de wûnders fen Natûr binne
moai.”

De takomst birêst by de jonkheit. Ik siz dit sûnder waenwizens, hwent
men hoecht net tabidield to wêzen mei in forstân, dat yn skerpens en
skranderens siket om syn gelikens, om yn to sjên, det ho treflik (!)
der nou ek skreaun wirdt troch somlike skriuwers fen it âlderein, dochs
ienris der in egenblik komt, det hja hjar lêste tinzen utere hawwe, en
de fryske letterkinde den langjend ûtsjên scil nei opfolgers; det
fierders dat rounstoarjen omdôch wêze scil hwennear de jonge skriuwers
hjar _den_ yet foarmje en ûntwikkelje moatte, omdet foar dy tiid hjar
de gelegenheit hjar frij en oprjocht to uterjen binommen waerd; mar det
it wol it bêste wier det der dalik klear stie in rige frisse striders,
dy ’t hjar al ré makken for de lêstige taek, do ’t somliken fen de
âlderen yet oan ’t wird wiernen. Mei alle mûlke en foegjende
wirdearringe for de skriften fen dizze lêsten,[1] scil men dochs
forstânnichst dwaen de measte oandacht ta to wijen oan it bisiikjen en
streevjen fen de opbloeijende skriuwers, omdet dizze, howol mei hjar
foargongers foriene ta it tsjinwirdige, dochs yn hjar drage it ûnthjit
for kommende tiden, wylst it measte hwet fen it âlderein ta stân brocht
wirde kin mei it each op de takomst, is de wei ré to meitsjen hwerlâns
it folgjende slachte it maklikst syn wyt birikt. _Hjiroer_ binne wy it
dochs wol iens, det mei by machtiger foltsen, hwer de takomst fen de
tael allinne al feilich is troch it greate tal minsken, dat hjar
sprekt, it biwûnderjend bistudearjen fen âlder skriften wêze in tige
prizenswirde saek, by ús dy ’t hielendal gjin wissichheit hawwe oer de
meast bilangrike omstânnichheden for ús sprake, dy ’t folgjende tiden
ús bringe kinne, alderearst soarge wirde moat for in rêstige en fêste
takomst, hweryn de taelbloei him sa ûntwikkelje kin, lyk as wy soks it
ljeafst seagen. Lykwol miene men net, det ik skokskouderjend it soune
en ripe, det forline tiden ús letterkinde taskikten, sûnder in wird fen
wirdearringe forbygean woe, al bin ik ek hjir wer fen bitinken det for
ús fen de ynhelle rispinge it sie „det biwarre moat for ’t oare jier”
wis bilangriker is as hwet nou al fêst forkoft wirde kin. Ho scoe it
wêze, as wy nou al ús sie fen ’e hân dienen, om yn ’t oare jier
neat-dwaende del to sitten, ûntslein fen de soarch, dy ’t ús diel waerd
as wy ek _den_ rike rispinge rispje woene? Ho scoe it wêze, as wy al ús
oandacht wijden oan skriften, dy ’t tsjûgje fen forline tidene geast,
rêstich amjend en glimkjend omdet wy mei moedleas hângebeart de soarch
for ús tael, lyk as dy wirde moat yn letter tiden, fier fen ús ôf
skouden?

 [1] Myn streevjen wier jimmer to wirdearjen en sa min mûlk wei to
 smiten; sjoch myn opstel-rige „Fryslâns Dichters,” dy ’t mei gauwens
 forskynt yn Ljouwerter Krante en Forjit My Net (Fryslân).

It moeit my det it needsakelik wier to sizzen hwet ik nou utere haw.
Jimmer lykje der yet minsken to libjen dy ’t neat ljeaver dogge as
tinkstiennen to ûntbleatsjen, wer op to dollen hwet sa lokkich yn de
modder bidobbe wier, blomlêzings to easkjen út it wirk fen skriuwers,
hwaens geast forâldere is en yngiet tsjin de ljeafste winsken fen hiel
ús fryske folts, en fen hwa wy bliid wêze mochten nou einlings ûntslein
to wêzen—minsken fen nearzige fieling en lytskimich ynsjoch, dy ’t de
ôfgod fen it Forline hoeden op in houten troane sette, om dêrfoar den
del to knibbeljen ef mei hjar kromme spronkjes in Indiaenske earedouns
to dounsjen, sjongend hjar iennichst liet: „Loaits, loaits: de greatste
der goaden!” Yn it East ljochtet de dage, hiel de bliid to wekker
skriljende ierde mei sêfte en ljeavjende strielen streakjend, mar de
ôfgoaden-tsjinners slute rimpen de formôge finsters fen hjar
neargeastich sliepkeammerke ticht, stekke triljend fen bewûndering for
hjar bûnt-bimielle ôfgod in kerske oan, om yn hjar himd fierder to
springen hjar ienteanige douns, mei skriemerige stimme fierder
njuentsjend hjar gammelgeastige sang. O Great-Machtige Bistjûrder fen
wolkens en wrâlden, nei hwa ’t wy siikje hiel ús libben lang en dy ’t
wy yn ús dreamen miene foun to hawwen, reagje dochs om it
kersljochtsje, det yn lôgjende gloede tobrânne hiel it sliepkeammerke,
de wrigge op syn troane en de minskelike flearmûs! Hwent wy ljeavje de
minsken en eangje fen bisten dy ’t it libbene ljocht net forneare
kinne.

_Wije wy dos al ús soargjen en wirksum wêzen de takomst fen ús tale
ta!_ En hjirfen bin ik oertsjûge, det gjin inkelde Fries, yn hwa yet
libbet de ljeafde for syn grize groun, en dy ’t it ljeafst mei syn
frjeonen petearret yn de fortroude lûden fen syn swiere tael, hjir net
mei my sizze scil: „Sikersonk, sa seit ek myn bitinken.” Mar
neimimerjend scil it him talykje, det al is dúdlik it doel, yet
tsjuster binne de wegen, en wolkom scil him wêze de liedstjerre, dy ’t
de wisse wei wiist troch suchtsjende sompen, oant de groun fêst wirdt
en de stjerre weiwirdt for sinneljocht.

It bêste scil, tinkt my, wêze det ik, yet foardet oanjown wirdt hwerfen
ús tael lok en seine to wachtsjen hat, mei klam wiis op de niis miende
tsjoede ynfloeden, dy ’t as men hjar tiid lit yet mear krêften to
sammeljen, de syktme fen ús sprake sa bifoarderje scille, det der mei
gauwens gjin krûd mear for waekst; miskien docht it bliken det efter de
wolken, dy ’t wy weireagje wolle, al in sinne wachte.

Yn de lêste ieu hat der yn Fryslân in skerpe striid wêst twisken
_folkskinst en persoanlike kinst_, hweroer ik my foarstel strak in
ôfsûnderlik haedstik to skriuwen, sadet ik nou dos mei algemiene
meidielings folstean kin. Howol de dichters yn it persoanlik genre net
inkeld yn wiere en suvere oanliz, mar meastal sels ek yn wittenskiplike
foarming fier stienen boppe hwa ’t, om jildmakkerij jamk, de saneamde
folkskinst bioefenen, is it oan de lêsten, dy ’t, omdet se wûndere
skoan ynseagen, hwermei hjar lânsljuwe heech rounen en hwerfor hja net
waerm fielden, alle mûlke lytse middeltsjes, oan mear heechsteande
minsken ûnbikend, faken op biwûnderenwirdlepe wizânsje wisten to
brûken, dochs lokt ienris in oerwinning to biheljen. It foarnaemste
gefolch hjirfen wier, det de minder ûntwikkele Friezen, dy ’t hjar op
’en dûr fêst wol yn ’e hichte lêzen hiene,—for in diel omdet hja ringen
for ’t forstân krigen, det de „kinst”, nei foaren brocht op
winterjounen troch sprekkers, dy ’t yn hjar findel skriuwend wirden as
humor en koartswyl, bliken joegen net ienris to witten, hwet men
dêrûnder heart to forstean, hiel hwet makliker wier as it treflike wirk
fen H. Sytstra en syn Idunaskriften, for in diel ek omdet hja fen
bitinken wierne, det de winterjoune-flauwichhedens dochs meiwirkje
koene om de fryske tael mear ta folkseigendom to meitsjen.—bikeard
waerden ta trouwe folgelingen fen de saneamde folkskinst. Yn de lêste
jierren fen de XIXde ieu en yn ’t bigjin fen de XXste riisden as
poddestoellen op wearzige mieden tropkes jonge fryske skriuwers
omhegens, dy ’t greatbrocht yn de allinne-sillich-meitsjende leare fen
folkskinstbiwûndering, wer nije oanwinst waerden for de minsken, dy ’t
it lokt wier oerwinners to bliuwen yn dizze striid. It fryske folk, sa
njonkenlytsen deryn bihirde, lies, al wier it sims mei inerlike
tsjinsin, dy ’t nea ta iepenbiering kaem, omdet hja soks holden for eat
goddeleas, geregeld en trou al de wûndere kinst, nei oanlieding fen
„doomnij’s, sûpers, sleauwe fammen en feinten, dy ’t safolle ieten”
útbret yn de oerstjûre gammele tinzen-tizeboel fen ús
folkskinstskriuwers; sa hawwe wy ús sels lange, lange tiden bilachelik
makke yn ’t each fen hiel de forstânnige en suver-fielende wrâld, wy:
in âld skriuwerslaech úttinkend bryk-núvere setten en frjemde
hoanne-op-’e-matte-eftige flauwiteiten, in jong skriuwersslach, nei
bigearlik-toarstich ynsûgen fen dizze fordoarne wetter-en-môlke-kost
wer opjaende rymkes oer „Pronk” en „Djûr flesk”, en einlings in great
diel fen in dochs tinkend folk, him blyn stoarjend yn biwûndering for
minsken, dy ’t ûnder de kinstners wiernen hwet de mol is ûnder it
djier.

Hwet scil der barre, hwennear der net in ynfloed komme wol,
krêftigernôch om dit formôge klintsje omfier to keilen? Dit: _jonge
minsken_, yn hwa wach wirdt langstme nei ljeafde en frjeonskipsbigeart,
yn hwa ’t ûnder ynfloed fen eigen kreftich fielen, opbloeit de drang yn
klank to úterjen, hwet wikseljend libbet yn it rêd-klopjend herte,
_scille_, ho ’t hja yet ljeavje de stoere, krêftige groun fen it
heitelân en miskien mei tsjinsin, _hjar losmeitsje fen ús tael_.

Hwent om hjar hinne hearre hja leech en yn alle smoarge goarichheden
omwrottend gerimel, sadet hja, foarljochting fen golle frjeonen en
ûntwikkele riedsljue missend, sûnder det men it hjar kwea nimme kin,
wol twongen wirde to mienen det waenwize minsken, dy ’t mei in
troanjemint as hie men to knibbeljen for hjar wizens en ynsjoch,
jimmerwer sizze doare, det yn de lêste tiden ús tael, ús libbene
folkstael, slim forearme is, gelyk hawwe en det men dos mar it
forstânnichst dwaen scil, yen to úterjen yn it Hollânsk, hweryn de
wier-ûntwikkele Friezen like goed thús binne as yn hjar eigen sprake.
Bûtendat lûkt de tael, spritsen oan de oare kant fen de Súdersé, dochs
altyd al, omdet hja prieljend wize mei op in flûnkerjende letterkindige
skiednis, ûnwitend riker as dy fen it Frysk, en scille dêr al licht
mear ljuwe wêze, yn steat de dichter-skriuwer yn syn heechste en
hillichste oandwanings, en dos ek yn syn swiidste wirdstyl, to folgjen
en to biwûnderjen. Myn fryske lêzers witte, sûnder det ik soks yet
ôfsûnderlik hoech to biwiiz’gjen, ho ’t al forskate jonge skriuwers fen
fryske komôf, foar de kar steld, lyk hja miene, twisken it forknoeijen
fen it meast forheven-minskelike dat yn hjar libbet (lykwol mei it
biwarjen fen de eigen tael) en de hearlikste fordjipping fen in
fieling, dat is: de utering, dy ’t it meast yn harmonije is mei dy
oandwaning, to brûken, (mar den yn in sprake, dy ’t hjar yn heechste
ynstânsje, frjemd is,) bisletten hawwe it lêste to kiezen, lyk as men
meast sjocht, hwet hillich is for de persoan sels (it individu) wer
heech settend boppe de plichten tsjinoer it heitelân. My sels kostet it
siker-sonk al moeite genôch om somliken fen myn jonge
frjeonen-meiwirkers, minsken fen wier talint, fen hwa ’t it Frysk alles
te wachtsjen hat, mar dy ’t mismoedich wirde fen ûnfordildigens, omdet
der for hjar útering sels gjin goed plak to finen is, lit stean den
wirdearringe, to biwarjen for ús fryske saek, al is it ek myn fêst
bislút dêrfor fen al myn krêften brûkme to meitsjen. Hwent ik ealgje
hwet it lot fen myn tael wêze scil, as de jonge, moedige, ûntwikkele
striders hjar ôfskiede fen ús jonge biweging en oergeane nei it
forliedelik-wiuwende Hollânsk... Sangeret it húnjend wird _boere_-frysk
yet net jimmer yn ús earen nei?

Mar der is yet mear; en nou skriuw ik net yn ’t bilang fen somlike
jonge skriuwers allinne, noch for it wier-ûntwikkele en suver-fielende
diel fen de fryske lêzers, noch for de wyljende fryske letterkinde en
sels net út namme fen inkeld ús tael, mar ik uterje my yn ’t bilang fen
hiel it fryske folts en de takomst fen ús lân: _ûnmûlk_ is it det ús
sprake neamd wirde kin yn de rige fen de biskaefde tealen, _gjin kâns_
bistiet der det sels in Fries by de ynlike ljeafde for de djip swiere
klanken ek de biwûnderjende achting krije scil for syn deiske wirden,
dy ’t de Hollander hat for it Hollânsk, for it Ingelsk de Ingelskman,
sa lang ús tael net biwiiz’ge hat, det ek hja bisit de wirden en
sizwizen, dy ’t nedich binne as utering fen geastelike streamingen. Men
bigrypt hopelik, hwer ’t ik hinne stjûre wol: it Frysk mei yn gjin
gefal it bolwirk wirde fen tinzen út it skiere forline, dy ’t rounom
oars al forblikke binne for it kliuwend ljocht, mar de ûntwikkeling en
de wiere geastelike biskaving heart syn merkteiken to stimpeljen op ús
tael, scil dizze ek yn de takomst syn groei- en bloeikrêft biwarje.
Ljuwe, hwaens macht allinne leit yn negative dieden, dy ’t de timpel
ôfbrekke mar yn gjin ivichheit fen dagen wer opbouwe kinne, stinne en
kleije der yn iepen brieven en oare steapelplakken fen deadwaners en
leech-by-de grounske banaliteiten oer, det as de Friezen hjar
opfettings uterje wolle oer staetssaken en ierpelnegoasje (dit lêste
triviale neamt men tsjinwirdich yn frysk-letterkindige kringen humor en
men seit fen sokke minsken, det hja geastich skriuwe!) hja foartdalik
oan ’t ploaitsjen gean yn hollânske taelfjilden, hwerút hja net mar ien
ier stelle, mar hiele boskjes mei ûnkrûd-en-al skûrre,—sûnder to
bitinken det dit kwea sels wer in middel, om it to forhelpen, oan ’e
hân docht, nammentlik: _ek yn de fryske tael to skriuwen oer it
bilangrike, det om ús hinne bart, en ús miening to sizzen oer de
greate, hearskjende forskynsels yn kultuer en geastelik libben_. Dos
die it my tige nij, det yn it karnûmer fen Frisia, ho bêst it technysk
ek forsoarge wier en hokke treflike dingen de sikerwier lêzenswirde
ynhâld ek ûnthiet, neat to bikennen wier, dat like op in ienfaldige,
mar fris-skreaune kronyk, dy ’t—der stean ik, dy ’t myn fryske lânsljue
hoopje te kennen, for yn—mei oandacht en blide wirdearringe lêzen wirde
scoe.

Dit binne de twa greate bigjinsels, dy ’t mei krêftige moed fordigene
wirde moatte ont hja yngong foun hawwe rounom hwer ’t it nedich is: de
twa opfettings dy ’t yn striid binne mei de toarre en droege geast fen
hiel de foarige ieu yn ús letterkinde; de twa foroarings wol, dy ’t by
útfier strange striid to weech bringe scille, mar foarâl: sa binne de
beide herfoarmings, dy ’t, inkeld en allinnich hja beide, ús tael
biwarje kinne for de ûnweardige en pynlik-stadige dea fen alles, dat
yngean wol tsjin de machtige tiidsgeast, dy ’t ljeafde is en forheging.


Mismoedich-swijend sieten wy mei syn fiven yn de keamer, hwer ’t it al
skimeriger en grizer waerd, neimimerjend oer hwet ien fen uzes sa niis
sein hie, elts mei fortretike fieling en wrevelich moed, omdet wy,
jonge, krêftige minsken mei soune ûntwikkeling, dy ’t wisten det wy
ûnder ginstige omstânnichheden yn steat wêze scoenen flink wirk to
jaen, mei eltsoar gjin kâns founen de takomst sa ljocht en ljeaflik te
meitsen, as wy dy jerne seagen.

Op de tafel laei de „Klankboarne”; ien fen úzes hie lang spritsen oer
dy dichtsamling en hie de biwûndering for dat wirk by de fjouwer oaren
ringen fordrifke. Wy wisten, det al syn wirden binlik west hienen en
oprjocht, det wy nea it wirk wer mei ljeafde lêze koene; hwent lyts
wierne de forklanke tinzen en de tael falsk oppronke. Dochs fielden wy
de earlike bisprekking as in slach for de fryske letterkinde, hwent nei
de achting for de minske Hof wier fordwoun de biwûndering for de
dichter Jan fen ’e Gaestmar... En dat die ús dochs efkes sear; wy
wiernen wer earmer wirden.

Do’t de lêste wirden fen de bioardieling weiklonken wierne, sieten wy
in skoftke yn tinzen, sûnder folle to sizzen. Ien sei der, as om de
stiltme to brekken, tsjin him dy ’t spritsen hie:

—Dou wist dyn miening oertsjûgjend to biwiiz’gjen...

Mar andert kaem der net; wy tochten allegear, det soks wol spitich
wier...

Einlings klonk it stadich-mimerjend:

—It is net folle: trije dichters yn trije-hûndert jier.

—Fjouwer, weage ik skrútel. Dr. Schepers...

Mar de oar skodde forheftich fen né:

—Dr. Schepers hie in hearliken ynfloed hawwe kinnen op ús taelkindich
libben, as er him skikt hie op it stik fen stavering. Nou is hy
forlern, och né, wis net, ik mien net as dichter, mar hy hat gjin
ynfloed útoefenje kinnen. Ja, as hy noch ris in „bondeltsje” nije
fersen yn ’t locht joech, mar suverder en den yn ’e
selskips-stavering...

Ik wist mar al to goed, det hy gelyk hie en swei dos.

—En hwet ef wy dwaen scille? frege wer in oar. Miskien, det der ûnder
ús fiven wol ien is, dy ’t hwet bliuwends leverje koe, mar wy hawwe net
ienris plak om ús to uterjen en hwet kin men den bigjinne? It forfeelt
my sa swietsjeswei, dat wachtsjen.

—„Een nieuwe lente en een nieuw geluid,” sei der ien sjongend. Ik
bigriep him foartdalik net, mar oan it antlit fen de oaren seach ik,
hwet der miend waerd: men tocht wer oan it Hollânsk.

—It scoe in gemiene streek wêze, as jim’ Friezen Hollânsk bigounen to
skriuwen, en de âlde tael ta weismiten kearden, sei ik wrimpen.—Men
biheart der net iens oer to praten; bilangstelling for ús saek yn
Hollân siikje haw ik frede mei, mar fierder to gean en it Frysk yn ’e
steek to litten, allinne om gauwer plak for jim’ wirk to krijen, is
forrie oan ’t âlde lân.

—Miskien detst yet to jong bist, om it to fielen lyk as ik, sei hy fen
hwa ’t ik it measte forwachte.—Mar in dichtersiele is net as in
wetterlieding, det men mar in kraen hoecht iepen to setten om der in
fers út streame to litten; en in fers moat koart nei ’t it skreaun
waerd, printe wirde, hwent as men it letter tsjinkomt is it in dea en
frjemd ding, hweroer men yen sels ergeret. En sa is it mei alles. En
bûtendat: hwerom scoenen wy yn ’t earst net nei it Hollânsk oergean?
Komt der letter in goed frysk blêd, hweroan wy meidwaen kinne sûnder ús
sels to forleegjen, sa as tsjinwirdich moat, den kinne wy noch altyd
mei it Frysk bigjinne. Us krêften scille den yet tanomd wêze, en...

—Hwerom forwachtsje wy ek alles fen in oar? frege ik, om’t ik eange
mear sok moais to hearren, dêr ’t ek somliken fen de oaren hiel wol oan
liken to wollen.—Litte wy sels de hânnen oan ’e ploege slaen: litte wy
it haedbistjûr to kennen jaen, det ús in nij wykblêd de bêste jefte oan
ús tael taliket.

—It haedbistjûr! spytgnyske in oar; hy like mei de bistjûrder fen
Sljucht en Rjucht yn briefwiksel stien to hawwen.—Dat bistiet út
hearen, dy ’t hwet prate kinne, hwet ite kinne, hwet skriuwe kinne
sels; goede, bêste minsken dy ’t wol graech ris hwet rûzje mei eltsoar
hawwe, tige bilangryk dwaen kinne mei hjar fâldij oer it Frysk, mar
sûnder ... ja, ho scil ’k it sizze ... sûnder wier-ynlike fieling for
it doel, det hja sizze foar to stean. It is in tige aerdich pronkstik,
mar it is dea.

—Né! sei ik forheftich, dat is net wier! Al sitte der
aeklik-ljochtskouwe minsken yn, it meartal wol graech sa folle dwaen
for ús saek, as it mar kin, mar it mei bikend stean, det de finânsjes
fen it selskip der tinkelik wol ris better foarstien hawwe. Mar der
bistiet gjin twivel, ef hja scille ljeaver in jongfryske biweging sa as
wy ús foarstelle, stypje en sadwaende in stikmannich ûnthjittende jonge
skriuwers biwarje for de tael, as in pear sinten mear yn kas to hâlden.
Ik scil hjar alles meidiele, en...

—Sjoch, sei der ien dy ’t nei bûten kipe,—de dize lûkt wer op.

Ik foun do en letter gjin wirden, waerm en hertlik genôch om myn ynlike
tank oan him sa to sizzen, det de utering lyk stie mei myn fieling.
Hwent hy hie de moed der wer ynhâlden.


Krêftich scille nou wêze moatte myn wirden, en myn taljochting suver.
Hwent it meartal fen it Haedbistjûr, dat sûnder mis foarútstreevjend is
en wichtige foroarings ynfiere wol, knibbelet faken eang en forbjustere
del for in pear bihâldende gearkomste-roppers en scil út dy nuvere
tastân net maklik oereinrize, howol hja bitinke moasten det it for
hjarren ivige skande bliuwe scoe, as it Selskip hjar leare moast hjar
plichten en hjar for hjar sleauwens straffe.

Ik mien der nou op wiisd to hawwen, det in jong-fryske biweging rjocht
fen bistean hat (ommers it is net mear as forstânnich en plicht, derfor
to soargjen det der jonge skriuwers foarme wirde, yn steat letter de
geastlike lieders fen it fryske folts op weardige wize to wêzen; omdet
dizze jonge skriuwers oanstjûre wolle op bilangrike foroarings, kin it
net oars ef hjar mei- en neist eltsoar wirkjen nimt it karakter fen in
biweging oan), ik hoopje dúdlik oantsjut to hawwen, hwer dizze biweging
frjeonlik mar mei klam om forsiikje moast (in nij selskipswykblêd
Fryslân, hweryn plak komme koe èn for persoanlike kinst èn for
biskôgings oer bilangrike forskynsels op geastelik-wittenskiplik en
praktysk-steatkindich gebiet), en ik leau teffens oanwiisd to hawwen,
det in oar orgaen sels in libbensbitingst wier for ús biweging.

Oer de twa greate herfoarmings-punten, mar foarâl ek oer de saek,
hwerom it ús ûndwaenlik wier langer meidoggers to wêzen fen Sljucht en
Rjucht—dit lêste scil ik, howol it my moeit, like goed op persoanlike
as op sakelike wize bisprekke moatte—folgje hjirefter wiidweidiger
biskôgings. Nou moat ik yet somlike dingen meidiele oer ús biweging,
omdet ik foar ’t forstân haw det der minsken binne, dy ’t fen alles
hwet yn myn wirkje minder dúdlik en klear wêze mocht, tankber brûkme
meitsje scille om my forskate dingen yn de skoen to skouwen, dy ’t
hielendal net yn myn bidoeling lizze en dos net fornommen hearre to
wirden.

—Tajown, koe men freegje, det der ûnderskate oarsaken wierne, dy ’t
jim’ twongen hâld oan eltsoar to siikjen, m. o. w. det dizze biweging
rjocht op bistean hat, den mei foarwis dochs wol dizze frage dien
wirde, eft it wol forstânnich wier dit jier derfor út to kiezen? Fen
strymjende fleagen oanfallen, kreakje de pylders, kreaket it bynt fen
it âld wirden en waer-oantaest Jeropeeske hûs; de lânnen hymje fen
ynspanning, droech bliuwe de eagen fen foltsen, dy ’t sels it skriemen
forlearden; en nou yn Fryslân, sok in miniatuer-lântsje, bidrige yet
wol fen talrike tsjoede, mar machtige ynfloeden, in nije biweging fen
jonge minsken, dy ’t moarn de dei oproppen wirde kinne om to striden en
to stjerren for it lân, hwerta hja nou ienris bihearre? Under sokke
omstânnichheden sok in biweging?

En myn andert is: sikersonk, just _nou_ de biweging.

Hwent eltse dei det Fryslân wer mear biwend rekket yn de sleur fen it
forline, sûnder det der minsken opsteane, dy ’t wytgjend wize nei
herfoarming, is forlern net allinne, mar mei oanskreaun wirde as in
ramp. En yn de jonge Friezen brûzet en skommet it sa by it oanskôgjen
fen al dy yllinde, det der in uteringswize foun wirde moat: en ho
hellet eltse dei it gefaer net oan det hja yn pleats fen de smelle
fryske wei yn to slaen, bigeane de wide wei fen it Hollânsk, hwerfen
men spitigernôch net sizze kin, det er laet nei it fordjer!

En yet is der eat, sa ienfâldich en sa dúdlik, det ik it sels neamen
heard haw fen minsken, hwa ’t dochs net in djip-geand ynsjoch oer
frysk-letterkindige saken taskreaun wirde kin: yn dizze dagen, det
troch de mobilisaesje de jonge Friezen for in great diel oer it
keningryk Nederlân forsiedde wirde, geane hjar eagen iepen for
bilangrike forskynsels yn ’e wide wrâld, hwerfen hja eartiids it
bistean nea net ealge hienen, en foarâl: fiele hja klearder as ea it
moaije en lûkende fen de fryske groun mei syn romme mieden en
wiksel-rike wolkenloften, en—de banaliteit bliuwt jimmer sa
brûksum—wirdt de bân dêrmei yet binender en sterker.

—Mar, as dizze biweging goed gefolch hawwe scil en krêftige ynfloed op
ús skriftenkennisse, lyk as nei ’t it bliken docht, dochs eigentlik
hjar ljeafste doel is, den mei men foarsiker de oandacht der wolris op
fêstigje, det hjar lieders en leden ek wis hwet men neamt, _krêften_
wêze moatte?

En myn andert is, det dizze krêften der binne, det hja hjar wis,
earnstich en deugdelik ûntwikkelje scille en det men fen hjarren op syn
minst ridlik goed wirk, boppe de middelmiette fen ús fryske letterkinde
steande, forwachtsje mei. Net lykwol kin men fen my fergje, det ik hjir
in himelheech-priizgjende útwreiding bigjinne scil; it iennichste hwet
ik as myn goed rjocht freegje, is det men myn opstellen yn de
Ljouwerter Krante soarchfâldich neigean wol, en fierders moat ik,
sûnder dizze kear eat to biwiizgjen, yn neifolging fen oaren
fortrouwend forklearje: „Wachtsje ús dieden ôf!”

In inkelde sei my: „It mei jo bikend wêze det Friezen eltsoar om de
nuverste lytsgeastichheden yn ’t hier fleane. Yn ’t miene sein, scil
miskien in biweging wol mear ta stân bringe kinne as ien inkeld
persoan... Mar dochs, scoe jou jonge biweging, al sizze jy det jy just
mei ’t each dêrop fen in boun ef foriening neat witte wolle, net to
neate gean kinne troch ynwindich mieningsskeel? Det scoe jo mar de
moed, binimme.”

Woloan, frjeonen, hjirop is myn andert dit:

Det der in krêft is, dy ’t ús by eltsoar hâlde scil, sels al mochten de
meast ûnderskate geastelike streamingen ûnder ús oanhing fine, dy ’t
meitsje scil det wy by op ’t each ûnwitend-wide mieningsforskillen
dochs in fen noegjende roazen sierde middenleane fine. Det de krêft
bistiet, hwerfen men nei lange tiden fen ynwindige rûzje forwachte hie
det hja fordwoun wier út ús lege lân, dat lijde troch brek oan ljocht.
Det dizze krêft yn steat blike scil de skriklikste tsjinslaggen to
oerwinnen, det hy machtiger is as de ljeafde ta it heitlân sels, det hy
machtichst is ûnder alle ynfloeden, goede en tsjoede, omdet op him rêst
de seine der goaden.

Us stipet de bitrouwende fryske frjeonskip.

Hwent wy, meistriders troch it lot, scille frjeonen wêze as troch eigen
kar, lokkich priizgjend de rieslach fen ’e Nornen-sisters, dy ’t ús ta
frjeonskip twong.




II.


Neidet ik yn myn earste haedstik, dat inkeld as ynlieding neamd en
biskôge wirde wol, biwiizge haw, det like goed de omstânnichheden op
steatkindich-stoffelik as op letterkindich-geastelik gebiet in nije
oplibbing rjochtfirdigje, al jow ik foartdalik ta, det in biweging, dy
’t sokke bilangrike herfoarmings fordigenet, striid to weech bringe
moat mei de mol-bline bihâldende partij, is my nou meiien de wei
oanwiisd, dy ’t ik yn de neikommende haedstikken yn to slaen hawwe
scil: ho fortretlik my it wird ek yn de earen klinkt, ik scil nou it
program útwirkje moatte, dat wy ús tinke, it teffens taljochtsjend,
hwer it bliken docht det soks nedich is, troch teikenjende
bisûnderheden. De folkskinst-saek glimket my minlik ta, en om ’t ik
njonkenlytsen foar ’t forstân bigjin to krijen det it foarâl dizze
kwesje is, dy ’t in hopen kwea stiftet yn ús tael,—miskien wol mei,
omdet út eangstme for de geast fen ’e heech-forneamde Omkes, eigentlik
yet nimmen him sa dúdlik en iepen utere hat, det wy krigen in
forhâlding fen bigjinsel neist, ef earder tsjin bigjinsel, ynpleats fen
in ûnwis, op falske forearing en biwûndering rêstend gesach boppe in
stúnjend, ûndúdlik, protteljend forset,—mien ik hjirmei bigjinne to
moatten.

Ik liz der klam op, det yn it neikommende de sizwizen „folkskinst” en
„persoanlike kinst” troch my yn in hwet oare bitsjutting brûkt wirde
scille, as troch de bank deroan jown wirdt, en det men dizze ûnderskate
bigripen ljeaver net troch eltsoar helje moat. Ta dizze lytse wiziging
yn de biteikenis wird ik wol twongen, omdet ik oars jimmerwer yn pleats
fen dizze maklik-koarte sizwizen forklearrings to jaen hie fen in pear
rigels lang.

Under _folkskinst_ forstean ik den yn dit forbân: de kinst, lyk as
dizze fen skriuwers levere wirdt, dy ’t yn ’t earste plak by hjar sels
freegje, hokker ynfloed hjar wirk op it hiele folk hawwe moat, en nei
dizze frage biandere to hawwen, mei opset sin hjar skriften sa skriuwe,
det nei minskelike birekkening de ynfloed op de folkslêzers tichte komt
by de útwirking, dy ’t men winsket. De folkskinstner nimt dos
opsettelik de skriuwtrant oan, dy tsjinstich is om syn wirk sa bikend
mûlk to meitsjen, hy mei dit den dwaen út lytsgeastige earsucht ef om
’t er oertsjûge is, det er in wiere en suvere saek tsjinnet, hwerfor
folle oanhing nedich liket. Under folkskinst forstean ik hjir dos net
de kinst dy ’t opklinkt út it hert fen it folk sels.

En oard mien ik, as ik de sizwize _persoanlike kinst_ brûk, de kinst dy
’t ûntstiet út ynlik-waerme, wier-twingende fieling, hwerby de kinstner
allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet
neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide,
sûnder det op ’t egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan
ynfloed op bûtensteanders. De persoanlike kinstner giet dos út fen de
opfetting det syn kinst yn ’t earste plak fen bilang wêze wol for de
kinde fen it minskelik wêzen, en is fen bitinken, det sûnder de
uteringswize to forleegjen en to forknoeijen, syn kinst dochs birikke
scil de ljuwe, dy ’t er birikke wol, to sizzen: de minsken, dy ’t mei
him yn ûntwikkeling en oanliz lyk steane ef dêrnei streevje. In
persoanlik kinstner kin dos like folle, ja mear ynfloed útoefenje op in
hiel folts as de folkskinstner, as hy fielt en tinkt lyk as de geast
fen it hiele folts dat docht.

Dizze twa opfettings binne fensels fjouwerkant mei eltsoar yn striid;
men kin dy beide hearskers net tagelyk tsjinje. Ear ’t de jong-fryske
biweging hjar yn dit wirkje for ien fen beiden oppenearret, wolle wy
efkes neigean ho ’t dizze striid yn de fryske letterkinde roun is, al
scil sok in biskôging miskien hwet oan ’e bûtenkant bliuwe moatte,
omdet it bistek fen dit boekje in wiidweidige en djippe bihânneling net
talit; hjir kin dat punt allinne by de meast forneamden fen ús
skriuwers ûndersocht wirde.

Ik rekkenje nou de skiednis fen ús letterkinde to bigjinnen yn de tiid
det Gysbert Japiks de moed fynt, yn in tael, dy ’t men oan syn dagen ta
biskôge hie as in wylde sprake, hweryn gjin taelkindige rigels en
wetten to bikennen wierne en dy ’t algemien neamd waerd as in
boerich-rûch dialekt, de forklanking fen syn ynlikst fielen en syn
suverst tinken to bisiikjen. Ommers de wetten, lânsrjochten, kroniken,
testaminten ensf. dy ’t yet ta it Ald-Frysk bihearre, hawwe foarsiker
rike wirdij for de ûntwikkelingsrin for ús tael, mar sels de dreechste
learde yn dizze skriften scil hopelik wol tajaen, det, mei de naïve,
bernlike foarm eat hawwe, dat ús oanlûkt, dochs fen letterkindige
wearde yn dit sakenwirk mar in bytsje to bikennen is. En dit kin like
min tsjinspritsen wirde, det de Rymlerije fen Gysbert Japiks, ho folle
moeite letter ek fryske folksmannen dien hawwe hjar lêzers wiis to
meitsjen det dizze suverste fen ús dichters, hwaens wirk fortsjinnet
neist dat fen Hooft neamd to wirden, eigentlik mar in tige gewoan
folksrimeler wier—okkerdeis krige ik yet in boekje fen W. Dykstra yn
hânnen, dat miskien in lytse blomlêzing forbylde moast en der ’t dizze
it yn bistien hie, stikken út de Rymlerije ôfprintsje to litten neist
minderwirdich wirk fen saneamde dichters, dy ’t nou lokkich frijwol
forgetten binne—wol wis in samling is fen fersen, for in diel ûntstien
omdet se sa opklonken yn it moed fen de dichter, en for in diel skreaun
út ljeafde for de tael. Der kin gjin twivel bistean ef Gysbert Japiks
scoe, as ien him forsocht hie bigrypliker to skriuwen, om fen mear
deistige lêzers fette wirde to kinnen, dit field hawwe as in swiere
mislediging for syn kinst; honear hy somlike minsken haegje woe mei syn
wirk—ik tink oan in man as S. A. Gabbema—den wiernen it jimmer ljuwe,
dy ’t mei him lyk stienen yn ûntwikkeling en djipte fen fielen, ef fen
hwa ’t de dichter alteast miende, det soks it gefal wier. Syn dichten
binne inkeld „út ljeafde for de tael ûndernommen” en nearne docht it
bliken, det de skriuwer sels in oansjênlik tal lêzers forwachtet; yn
dat gefal hie syn skriuwtrant hiel oars wêze moatten, hast hie ik sein:
hie Gysbert Japiks gjin dichter wêze kinnen. Hwet Starter oanbilanget,
miskien det men fen dizze mei rjocht sizze kin, det er by it skriuwen
fen syn wirk in dúdlik byld fen syn fryske lêzers foar eagen hawn hat,
en det men him dos biskildigje mei fen de folkskinst bioefene to
hawwen, al bliuwt it fensels ek mûlk—howol it myn miening net is—, det
Starter in lytse, machtleaze geast wier, dy ’t net better koe. Mar sels
as men oannimt, det it him ynmoed wier de folkskinst to forrykjen, den
scil men my dochs net ûntstride kinne, det dit in bigjin liket, dat wis
net folle goeds for de heech priizge folkskinst ûnthjit: Starter neist
Gysbert Japiks.

Oardel ieu folget, dy ’t wy rêstich ûnbispritsen litte kinne: de psalm
biriming fen Althuysen kin net biskôge wirde, om ’t in oersetting,
hwerby maklik eltse persoanlike opfetting op ’e eftergroun rekket, for
ús doel gjin wearde hat en de oare skriften út dizze tsjustere tiden
binne net bilangrikernôch om se hjir ien foar ien nei to gean.

De greate striid twisken persoanlike- en folkskinst bigjint mei foarse
krêft earst yn de XIXde ieu, in striid dy ’t foarâl ek hjirom ús
oandacht fortsjinnet, det ûnderskate foarmannen hjar net dúdlik
rekkenskip jowe fen de saek, dy ’t se fordigenje, sims hjar sels
tsjinsprekke, mei de mûle oare opfettings forkindigje as hwerfen hjar
dieden bliken dogge, om den wer hâldfêst to siikjen oan de miening, dy
’t hja oars al lang as forâldere ôfsward hiene. _Hjirtroch_ is de
tizeboel ûntstien, dy ’t men tsjinwirdich gewoanlik de skiednis fen de
fryske letterkinde yn de lêste hûndert jier neamt, det de machtige,
alles oerhearskjende frage: persoanlike kinst ef folkskinst? nea net yn
al syn krêft en suver dúdlik sjoen waerd, de lêzers net wisten hwet hja
oan de skriuwers hienen, somlike skriuwers der net efter komme koenen
hwet hja fen hjar broerren tinke moasten en om mei it nuverste to
bisluten, fierwei de measte skriuwers gjin klearrichheit krigen oer
hjar sels.[2]

 [2] Men scil wiis dwaen mei foar eagen to hâlden, det as der yn it
 folgjende in rju ginstige ynfloed taskreaun wirdt oan in dichter ef
 proazaist, dit inkeld jildt yn forgeliking mei it algemien peil fen ús
 skriftenkennisse, sûnder det ik dermei sizze wol, det er wearde hie
 for de wiere, boppe folts en tael steande, kinst.

Dalik komme wy al to stean foar in frjemd en lêstich gefal, as wy
sjogge ho ’t de broerren Halbertsma, fen hwa wy om hjarren gjin skande
oan te dwaen, net oannimme meije det se hjar ynlikste fieling
útspritsen hawwe yn de skriften, letter samle yn de „Rimen en Teltsjes”
en dy ’t wol neamd wirde moatte as de lieders fen de folkskinst, faken,
miskien omdet dizze kinst hjar op ’en dûr net foldwaen koe, hjar witte
los to meitsjen fen it ivich en ûntreastelik tinken oan: ho ’t de
lêzers tsjinoer hjar skriften stean scille, om efkes in pear
persoanlike ferskes to skriuwen en den, as wiernen hja forheard en eang
oer dizze skriklike forhevenheit, hjar wer deltommelje to litten yn de
walchelike folkskinst-sompe. En binije kin it yen den net, det hjar
persoanlike kinst meastentiids sa breklik en ûnfolslein is, det de
namme _dichter_ hjar ûnmûlk jown wirde mei, as men alteast earlik
bliuwe wol, wylst hjar folkskinst, dy ’t men oars net bioardielje kin
as nei de útwirking op de lêzers, om net to praten fen goedens en
bêstens—hwent folkskinst easket oare wirdearringe—dochs ridlik sterk
liket to wêzen. Mar, hwet for ús it bilangrykst is: hwet is it doel fen
hjar bisiikjen, hwet stelle hja hjar foar to birikken mei hjar
folkskinst? „Gewoan-minskelike earsucht wier it, dy ’t hjar ta skriuwen
twong, en omdet hja eangen det hjar talinten for it Hollânsk to swak
wierne, namen hja it Frysk for kar, dat yet gjin greate letterkinde
hie, dy ’t de forstânnelike draechkrêft fen it folts net to boppe gyng,
sadet hja dêr aerdich fêst op biwûndering rekkenje koenen,” hear ik
tsjinwirdich faek sizzen; it is slim to wjerlizzen, mar dochs mien ik
groun to hawwen in oare opfetting as earliker en binliker to
fordigenjen: de Halberstma’s meije faek nearzige breklik skreaun hawwe,
it hat hjar oprjochte bidoeling west de yndodde ljeafde for hjar tael
by de Friezen wer wekker to meitsjen.

Mei der by de Halbertsma’s by riten twivel bistean, hokker wei hja
ynslaen woenen ta lok fen de fryske taelbloei, en greate forwûndering
hielendal to bigripen wêze, as in lêzer fen ús dagen nei min efte mear
misselik wirden to wêzen fen somlike flauwiteiten-steapelingen yn de
útdijde Lapekoer hommels komt to stean for in fers, hweryn dúdlik wirdt
det der bisocht is ynlike fieling to uterjen, hwet wol mislearje moast
omdet de oanbiddene folkskinst dochs in hwet forleegjende ynfloed liket
to hawwen, fêst en rêstich stiet der tsjinoer de persoan fen Harmen
Sytstra, op ien nei de greatste dichter yn hiel ús letterkinde en yn
safier wy neigean kinne ek it heechst steand as man fen krêftich
karakter, dichter fen ienfâldich-suvere fieling, dy ’t de earenamme
„strider” wiswier fortsjinnet, en wol for alle kommende tiden yn
Fryslân in noegjend foarbyld bliuwe scil. By him is twivel ûnmûlk: is
twivel net in oertsjûgjend biwiis fen swakkens? Syn ljeafde for de
tael, hwerfen hy de krêft en dos de bisibbens mei him sels trochfielt,
is sa great, det hy, dy ’t ek hjiryn de earste is, ta it ynsjoch komt,
det men allinne den yn útlânske kringen de binlike achting for ús
sprake krije scil, hwennear dizze biwiiz’ge hat lûden en wirden to
bisitten om de suverste fieling to forklankjen; dêrom is it, det hy der
net oan tinke kin folkskinst, dat is: greate-bernekinst to jaen en
sjongt hy hiel syn libben út, sûnder de humor, lyk as men it troch de
bank neamt, fen de Halbertsma’s, mar sims yn sokke forheven, earnstige
klanken, det wy, dy ’t mienden wiis to wêzen en wolwittend, fiele ús
lytsens en ûnwit. Oan de ljuwe fen ús tiden, dy ’t hjar net skamje yn
’t iepenbier to sizzen det hja for ús fryske kinst Dokterom mear fen
bilang achtsje as dizze forgetten dichter, doch ik it útstel yn it
Ingelsk ris oer to setten somlike Regine-sangen en de Lapekoer; om ’t
de dichterlike en bliuwende wearde fen in wirk nea net better oan ’t
ljocht komt as by oersettings, scoenen wy sûnder mis den fen sokken út
it lân oer ’e sé, dy ’t yn steat wiernen hjarren in suver oardiel to
foarmjen, in miening to hearren krije, dy ’t net bjuster ginstich wier
for de Halbertsma’s. En H. Sytstra is in tige persoanlik dichter.

Yn de rige fen de foarnaemste skriuwers heart de namme fen Tsjibbe
Gearts net forswein to wirden, de frjeon fen ús allegearre, dy ’t gâns
trefliker as de Halbertsma’s wist fen hokker aerd de humor is, dy ’t
sikerwier djip leit yn de fryske folkssiele. Hy, de dichterlike
proazeskriuwer en de proazayske dichter, dy’t fen it hiele libben in
tige eigen opfetting biwarret en al hwet bart en foroaret yn ’e wrâld
op bisûndere, op ’t each koartswilige, mar suvere wize sjocht en wit to
teikenjen, tinkt der al like min as syn frjeon Sytstra oer, de maklike,
sloppe folkskinst to bioefenjen;[3] docht it bliken, det syn skriften
de Friezen better oansteane, den is det allinne hjirút to forklearjen
det hy, dy ’t yn ûntwikkelens jimmer fier de mindere fen syn skerpe
frjeon bleau, troch dit brek forhindere weard sa heech boppe de
forstânskrêften fen it folts to rizen, as dizze yn steat wier to dwaen.
Oer alles, hwet him de moeite wirdich tinkt, seit hy iepen lyk in bern,
syn oprjochte miening, dy ’t faek yn ’t earst ús hwet bryk en nuver
taliket, mar dy ’t by earlike biskôging dochs hiel hwet wizer blykt to
wêzen as wy yn ’t bigjin wol leauwe woene; alles, hweroan hy niget hat,
forhellet hy op sa’n bliere, ljochte wize, det wy, swier-tillende
minsken fen de soargjende, oerweagjende en biskôgjende tweintichste
ieu, ús lichter en rommer to moed fiele, as wy wylst de hjerstrein
tikket tsjin skriemende finsters, wer bisletten hawwe syn samling „Ald
en Nij” ris nei to slaen, in wirk fen hiel hwet kinstiger en biskaefder
ynhâld as de faek rouwe „Rimen en Teltsjes”. En Tsjibbe Gearts is in
persoanlik-dichterlik skriuwer.

 [3] Inkelde aerdige en krekte dingen, dêr ’t men wol jerne mear fen
 witte woe, seit dizze skriuwer yn syn „In healûre yn ’e Skimerjoun”:
 sj. Ald en Nij, dl. I, s. 82.

Neist him mei as oarspronkelik en puntich forheller-biskôger neamd
wirde de hear C. Wielsma, de iennichste humoristyske, ef hjir earder
koartswilige skriuwer, dy ’t ús oerbleaun is fen it alear sa greate
tal. It sterker ef swakker didaktysk karakter, dat it eigenaerdige,
sims sels it foarnaemste is yn syn measte stikken, scoe him al bilette
de folkskinst to bioefenjen, omdet dizze net folle romte jowt oan
persoanlike opfettings, ef hja moatte mei opset sin al sa forknoeid en
forwrongen wêze, det hja wierlik ynslagge omdet hja mei soarchfâldige
birekkening spritsen binne nei it herte fen it folts. Mar mei sok in
minderwirdige skriuwersrêdsumens is lokkich de hear Wielsma—yn safier
ik in eigen oardiel foarmje mei oer syn wirk, hwerfen it my moeit sizze
to moatten, det ik it net allegear lêzen haw, om ’t it my oant nou ta
ûnmûlk wier syn forsprate bydragen yn de Ljouwerter Krante machtich to
wirden—nea net to wirk gien; as man fen wier-heechsteand karakter hat
hy hwet „om him hinne” barde, dúdlik útteikene, faken efkes goedmienend
útlake en sims mei glimkjend antlit pript yn syn puntige wirden. De
foarm fen syn wirk mocht ienfâldich-bifettelik wêze, hwet maklik to
forklearjen is út syn eigen aerd, dat rjocht op it doel ôfgiet sûnder
in oermiettige opheapping fen wirden, dy ’t allinne it kleare minder
dúdlik meitsje,—foarâl de ynhâld, de geast fen syn stikken tsjûget
krêftigernôch fen in tige persoanlike libbensopfetting, om fêst to
stellen, det Wielsma persoanlike kinst joech.

En det persoanlike kinst, al hâldt se hjar nea op mei fyn-biskôgjend en
oerweagjend nei to gean eft hjar utering wol sterkernôch is _ef_ om de
lêzers oan ’t laitsjen _ef_ oan ’t trieneagjen to krijen, dochs greate
ynfloed hawwe kin op it geastelik fielen en de letterkindige
ûntwikkeling fen hiel in kinst-earm folk—fornoegjend forskynsel dit,
omdet men der aerdich wis út ôfliede mei, det yn lektuer de kliber like
goed opkliuwe kin nei de hichte fen de skriuwer, as de dichter him
forleegje ta de fieling fen it folk—dit wirdt wer oertsjûgjend
biwiiz’ge troch de treflike útwirking, dy ’t de Rispinge fen Piter
Jelles hie op de fryske lêzers. En grif jowt it moed oan de ljuwe, dy
’t de saek fen de persoanlike kinst fordigenje, det men fen dit wirk
nearne sizzen heard hat, det de ynhâld to dreech wier en de tinzen, yn
krêftige, sims foarse en sims stil-dreamende fersen forklanke, nea net
to heech gyngen for de fettingskrêft fen de lêzers; wis, it „Frysk
bloed, tsjoch op!” klinkt yette yn ear-forskûrrende meldijen oer ús
lege lânsdouwen, en folle oare sjongsume en stroffelige lieten steane
yet heech yn de achting fen ús lânsljuwe, mar men mei bitwivelje eft
der ûnder hiel dizze klanken-chaos ien sang is, dy ’t mei mear wijïng
en stille nocht songen wirdt as „Oan ’e kant fen ’e mar”, it fers dat
tagelyk—hege útsûndering ûnder de fryske poëzije fen de lêste tritich
jier—de meast strang-krityske bioardieling lokkich trochstean kin. For
it hiele fryske jongfolk, de ûnthjittende feinten binammen scil sûnder
twivel de Rispinge, just omdet dizze samling yn alles it krekte,
soarchfâldich-útwirke byld is fen in heech-minskelik fielingslibben,
bliuwe it hearlikste „confiteor”, de suverste forklanking fen in
krêftige libbensoertsjûging en de striid, nedich om dizze hichte to
birikken. By Piter Jelles merkbite wy fierders de treastlike
bisûnderheit, det, mei de folkskinst syn forleegjende ynfloed twingend
útoefenje hwennear in skriuwer, dy ’t hjar hildiget as it heechste,
bisiket for de aerdichheit ek ris in rymke to skriuwen, dat
wjerspegelet de oandwaning fen eigen moed, de persoanlike kinst, sels
hwennear de dichter fielt det it nedich wêze koe syn utering for in
egenblik yn safier gewelt oan to dwaen, det dizze de lêzer ienfâldiger
en bigrypliker yn de earen klinke scil, dochs yet oan dizze twongen
utering in haegjend en suver lûd wit mei to dielen. Ik wiis hjir op it
greate forskeel, dat yen opfalt as de skriuwer fen „Mostert nei de
Mieltiid” hommels bisiket him dichterlik to uterjen yn „de Blide
Bernkes” en as de dichter fen „de Striid om it Heechste” in fers
skriuwt as „de Priisfraech”, dat howol bidoeld as folksrym dochs bleaun
is in haechlik dicht. Wer reauntsje ik myn refrein: en Piter Jelles
bioefen’t de persoanlike dichtkinst.

In skriuwer dy ’t neamd wirde moat, net omdet hy de brede lagen fen it
folk wist to birikken, mar mear om de wier-dichterlike wearde fen syn
wirk, hweryn de stimmichste ienfâld syn doel liket to wêzen, is sûnder
twivel Dr. Schepers; ho ’t men der elts egenblik ek klam oplizze mei
det yn syn fersen greate technyske en taelkindige brekken foarkomme—ik
wol oannimme, det dizze ûnginstige miening net ûnder ynfloed fen
oerginst foarme is—dochs bliuwt it fêst, det syn dichten for de
letterkindige skiednis fen ús tael fen ’t measte bilang binne. Hwent hy
is it, dy ’t as men oardielje mei nei it foarwird yn syn „Gedichten” it
earst merkbyt, det in striid twisken folkskinst en persoanlike kinst
geande is, en mei it each dêrop de jonge skriuwers oanret, yn hjar wirk
hjar inerlikst fielen op suver-ienfâldige wize to uterjen; den, sa
liket it him ta, en ik moat my tige forsinne, ef syn miening is: _den
allinne_, scille wy in letterkinde krije, hwerop men greatsk wêze mei.
Hwerom ik persoanlik greate biwûndering haw for syn fersen en fen
bitinken bin, det dizze frij hwet mear wirdearringe fortsjinje, as men
hjar gewoanlik mei in heech-foarnaem glimke wol takenne wol, foreasket
in brede forklearring, hwerby ik oer forskate dingen útwreidzje moat,
en hwerfor yn dit wirkje dos gjin romte is. Ljuwe, dy ’t hjiryn bilang
stelle, fêstigje ik de oandacht op myn stúdzje „Dr. Schepers” yn de
opstelle-rige „Fryslâns dichters” dy ’t mei gauwens wol yn’e Ljouwerter
forskine scil; nou kin ik allinne as myn miening útsprekke, det
minsken, dy ’t genôch stúdzje makke hawwe fen de fryske skriften om in
binlik en rjochtfirdich oardiel oer dizze saek to uterjen, it
njonkenlytsen hjiroer dochs wol iens wirden binne, det dr. Schepers, ho
freeslik syn taelkindige sounen den ek wêze meije, as dichter wol wis
achte heart to wirden; wol mei de wrâld forwûndere wêze, det sels de
hear Hof—ik mien hjirmei fensels hielendal net to sizzen, det dizze
rjocht hat op de namme kritikus, yn de biteikenis fen bioardieler mei
de easken, dy ’t ik hjir boppe útspriek—it forbûke Fryslân meidield
hat, it hjirmei iens to wêzen! En nou ’t ik dos, út namme fen Fryslâns
bêste skriuwers, Dr. Schepers hjir wolfortsjinne hilde as dichter
bringe mei, scil nimmen it my ûntstride kinne, det ek hy ús persoanlike
dichtkinst joech.

Dizze koarte bisprekking fen somliken fen ús foarnaemste en meast to
wirdearjen skriuwers wol hielendal net oansjoen wirde for de meidieling
fen in folslein en wiidweidich ûndersiik, al jow ik ta det sok
soarchfâldich neigean tige bifoarderlik wêze scoe for de klearrichheit
oer ús letterkinde; as men lykwol de útkomsten, hjir boppe oantsjut,
neigiet, den kin it hast net oars ef men moat wol tige forwûndere wêze
to sjên, det de bêste fryske skriuwers hjar, op de Halberstma’s nei—fen
hwaens wirken de treflikens yn de lêste tiden wer danich yn kiif steld
wirdt, al forjit men dêrby neffens myn miening al to folle, det men
foarâl dizze skriuwers to bioardieljen hat yn ’t ljocht fen hjar
tiid—gjin fen allen bikeard hawwe ta it bigjinsel, det men yen yn sok
in trant uterje moat, det it greatste diel fen it fryske folts yn steat
is ek to fetsjen, hwet hja lêze. To nuverder liket den it forskynsel,
det de folkskinst, ho ’n bytsje den ek bioefene en ho skoudere fen de
trefliksten, sûnder det dizzen it meast yn wirden uteren, dochs it
biwiiz’gjend mei de die, to sizzen it skriuwen en dichtsjen fen
persoanlik kinst-wirk, op ’en dûr dochs net bilies hoechde to jaen, mar
it sels sa fier wist to bringen det hja net sûnder rjocht der op romje
koe, in folsleine oerwinning bihelle to hawwen. Ho dit to forklearjen?
Ik scil bisiikje de lêzer nou wer wei to lieden út de riedseleftige en
geheimige doalhôf, hweryn ik him moedwillich brocht haw, om to
meitsjen, det er, nou ’t er it ljocht in skoft net mear yn syn stoere
krêft field hat en dos der wer nei bigjint to langjen, de strielen en
hjar seine better wirdearje scil; mar mocht der immen in útgong sjên,
dy ’t hy oannimmeliker wit to meitsjen, wis, dy scil fen my net
oantaest wirde.

Om to bigjinnen mei men den in ridlik krêftige ynfloed oannimme fen de
toanielisten, skriuwers, dy ’t der wol op oanwiisd wiernen alteast hjar
stoffe sa to bihânneljen det it fierwei it greatste diel fen ús folk
net slim wêze scoe, hjar yn hjar utering to folgjen, hwermei ik lykwol
hielendal net sein haw, det dizze minsken hjar tinzen forlege hawwe en
de eigen fieling binommen oan hjar stikken, inkeld om dizze genietliker
to meitsjen for it greate folts. Mar howol it for de harkers sadwaende
minder maklik waerd yn selsfoarme miening, goede kinst fen
minderwirdige to ûnderskieden troch it forskeel yn uteringskrêft nei to
gean, dochs giet it net oan hjarren de skild fen de ûnsillige
folkskinst-oerwinning hielendal yn de skoen to skouwen.

It mei bikend wêze det yn eltse striid, op geastelik like goed as op
stoffelik gebiet, de measte skea oan in partij faken tabrocht wirdt,
net troch de fijân, mar fen minsken fen hwa ’t men forwachte hie, det
se neist yen stean scoene, dy ’t dit miskien ek wol miene to dwaen, mar
bliken jaende yens saek op sleauwe ef forkearde wizânsje to
fordigenjen, de fijân wolkomme gelegenheit jowe syn ljeafste
foarnimmens út to fieren. Sa gyng it ús persoanlike dichtkinst yn ’t
bigjin fen de XXste ieu do ’t hja, mienend in krêftich meistrider yn to
heljen, fen hwaens wirk men folle fortuten forwachte, yn it tal fen
hjar fordigeners taliet in man, dy ’t op sok in nuvere wize mei syn
sjittersark omgyng, det forskate fen de wolmienende minsken, dy ’t him
sa minlik oanglimke hiene, swier woune waerden, sûnder mear út to finen
hwa ’t de pylk op hjar ôfsketten hie. It wirk fen de oer it hynsder,
ja, ta de stjerren tilde rimeler Jan fen ’e Gaestmar hat—binammen
Klankboarne en Drankjes—ús fryske tael-biweging sok in pynlike skea
dien, det wy hoopje det hy hjir op ierde yet lang tahâlde mei, fordet
er, foar nei de ivige ôfgroun fen it forjit forstaet to wirden, yet
gelegenheit krije scil goed to meitsjen, hwet er sa grouwelich fordoarn
hat. Ik neam hjir mei de measte klam Jan fen ’e Gaestmar in rimeler, en
men wit det ik dizze kwaliflkaesje nea net mei de namme dichter forsin;
mocht immen, dy ’t dit kritysk oardiel lêst, achtsje det it nedich is
hwet ik yn ’t iepenbier sein haw, teffens yn ’t iepenbier to
biwiiz’gjen, ik noegje him minlik út my dit bitinken meidiele to
wollen, en ik scil hem net in moanne op biwiis wachtsje litte[4] for
myn sizzen, det yn hiel de Klankboarne, miskien ien inkeld fers
útsûndere, gjin dichten to bikennen binne hweryn in suver-fielende
siele sjongt; mar wol rymstikken dy ’t deselde yndruk meitsje as in
neargeastich geramt, dêr ’t men om derfor to soargjen, det in
maklik-oandien minske gjin to felle skrik krijt, in tweintich-ieusk
kostuem om hongen hat. It brûken fen in hopen forâldere wirden, dy ’t
op ús gjin oare yndruk mear meitsje, as det se ús kinstich socht, net
oprjocht en deadsk talykje, brocht, lyk as to forklearjen is, in great
diel fen tinkend Fryslân yn opstân en hie ta gefolch, det forskate
minsken, dy ’t gjin klear ynsjoch yn de saek hiene, tochten det
persoanlike kinst út hjar sels ûnbigryplik wêze moast en for de fryske
sprake dos mear lok to wachtsjen wier fen folkskinst, wylst ljuwe dy ’t
yn steat wierne to bigripen, ho’n bytsje wiere fieling to finen wier yn
dizze opheappings fen rou-klinkende rombom, hjar wer bikearden ta hjar
âlde opfetting, det it Frysk minderwirdige boustoffe wier for poëzije
en allinne brûkt wirde koe for koartswyl en humor fen fortocht soarte.
Sa jerne scoe ik mei oaren leauwe wolle, det Jan fen ’e Gaestmar
noutiids sels ek ynseach, hok in jeugdsoune syn Klankboarne is, mar my
tinkt det út somlike plakken fen syn lêste skriften ôflaet wirde mei ho
’t er sels yet fen bitinken bliuwt, det dizze samling him forgoed plak
jowt ûnder de greatste fryske dichters. Mei de hear Wumkes winskje wy
him net mear op it stikelfjild fen de taelwittenskip oan ’t skarreljen
to sjên (men forhellet, det er it tsjinwirdich oerjown hat, him der in
paed op to meitsjen, mar ’t om ’t it syn hillichste ljeafde liket to
wêzen, hwerfen er, ho húnsk ek bihânnele, dochs gjin ôfskie nimme kin,
der kronkeljende hoalen yn graeft), dôch like min is it ús in swiid
geniet, him to finen op de glêdde iisflier der poëzije, hwer ’t er
sokke nuvere sprongen en evolúsjes makket, det wy, wend ús
minskeljeafde lang to biwarjen, tûzen noeden útstean det er yet ris in
skonk brekke scil. Us ljeafste winsk is, út syn mûle yette de
forklearring to hearren, det er fen nijs oan bigjinne scoe en nou
ienfâldige lietkes skriuwe, hweryn neat foarkomt, dat liket op in
opsettelike miette-foroaring, om in stjerrende kening prate to litten
yn hexameters-mei-foarslach, rigels dy ’t in soun minske sels hast net
útbringe kin; wy fen ús kant wolle den ûnthjitte, ús oardiel yn ’t
earst net op ûnnedich strange wize to uterjen.

 [4] Sûnt ik dit skreau, waerd de saek yet hiel hwet ienfâldiger, om ’t
 ik nou forwize kin nei myn artikels oer it wirk fen Jan fen ’e
 Gaestmar, dy ’t yn ’e Sneinsblêdden fen ’e Ljouwter Krante fen 27
 Maert, 24 April, 5 Juny en 3 July dit jier (1915) plak foun hawwe.

En dochs: sels troch de skriuwerij fen de kinst-earme Gaestmarder Hear
is de forwûnderjende oerwinning fen de folkskinst net to forklearjen;
dêrfor moat ik de namme neame, dy’t eltsenien al lang forwachte hie yn
myn koarte biskôging oer de foarnaemste fryske skriuwers: Waling
Dykstra. It gefal fen dizze forneamde forheller en taelkindige is wol
sa bûtenwenstich, det it de moeite leannet der efkes langer by to
toevjen.

Men mei oannimme det de jonge Dykstra, do ’t er him yet net ûntwikkele
hie op de net ûnfortsjinstlike wize, dy ’t wy letter yn him earje
moatte, yn it bigjin fen syn skriuwen, do ’t er sûnder twivel tige
ûnder ynfloed stie fen de Lapekoer, net yn steat wier eat oars to
leverjen as kinst, dy troch it greate folk, hwerfen er do sels yet diel
útmakke, sûnder ynspanning to fetsjen en to folgjen wier. Lykwol stiet
it fêst, det er yn letter dagen, do ’t er him dochs wol hwet kinde
forgearre hawwe scil oer treflike skriften, ek fen oare folken, do ’t
fierders syn uterjen tanimme moast yn krêft en biteikenis, en hy de
djippe fieling yn de dichten fen H. Sytstra wirdearjen learde, faken
bisocht hawwe moat, wirk to skriuwen fen mear geastlike biteikenis,
fersen dy tsûgen fen suverder fielen. Syn earste stikjes wiernen, hwet
boppe fen my neamd is persoanlike kinst; dos moast men wol forwachtsje,
det do ’t de persoan him ûntwikkele en syn tinken tanaem yn djipte, dit
ek to merkbiten wêze scoe oan syn wirk, sadet dit, it mocht den
fierders maklik for it folk to fetsjen wêze ef net, bliuwe scoe de
wjerspegeling fen syn eigen fielen, sûnder det er fierders in dúdlike
foarstelling hie fen de yndruk, dy ’t it op de ûnderskate lêzers
meitsje moast. Dochs is dit net bard; yn letter tiden hat Dykstra him
jimmerwer forklearre for de folkskinst, jimmer herhelle det men sa
skriuwe moast, det de measte lêzers net to bek skrilje koene for
lêstige uteringswizen, en sels it foarbyld jown. Wol komt de minske
Dykstra dúdliker út as hy teltsjes skriuwt dy tsjinstich wêze moatte om
de reformearde opfettings bilachelik to meitsjen, mar dochs, hok in
wiid forskeel mei de didaktikus Wielsma! Wylst de lêste syn snedige
setten al op ’t pompier hat ear ’t er him der sels rekkenskip fen jowt,
sels earst glimket om syn wirden, sûnder to wachtsjen op it laitsjen
fen oaren, waerd der—it docht bliken oan alles—fen Dykstra earst frege:
scil it sa ynslaen, de yndruk meibringe, dy ’t ik meitse wol? In
treflik biwiis hjirfor fynt men, as men de opgong fen de skriften fen
Dykstra ris forgeliket by de bidêste, mar dêrom net minder
oprjocht-miende hilde oan de Grouster master tawijd for syn bizige
wirkjes; en dochs is dit net to forklearjen mei to sizzen, det dit sa
kaem, om ’t Dykstra folle mear skreau—hwent neidet hy safolle skreaun
hie as master Wielsma oant nou ta, wier syn ynfloed by de Friezen al
gâns greater—noch jowt men der in goede útliz oan, as men úthâldt, det
it talint fen Dykstra greater wier—ommers troch net ien kin soks sein
wirde, dy ’t stúdzje makke fen beide ljuwe’ wirken—en likemin mei as
wier oannomd wirde, det it _sin_ fen Dykstra frysker bleaun wier as det
fen Wielsma, noch det de ûntwikkeling fen Dykstra minder wier as dy fen
Wielsma, sadet de skriften fen de lêsten as fensels minder maklik to
folgjen wiernen; de iennichste forklearing kin wêze, det de Holwerter
him sels twong to skriuwen lyk as it folk det it ljeafst hearde, wylst
de Grouster skreau om glimkje to kinnen en sels ta klearder ynsjoch to
kommen.

En wer freegje ik, lyk as by de Halbertsma’s, hwet dochs wol de reden
for Dykstra wier om de folkskinst to bioefenjen, en faeks seit nou wol
nimmen: om persoanlike earsucht, hwent dizze skriuwer bleau altyd in
wier stânfries, fij fen alle persoans oanbidding (tinkt der
tsjinwirdich den nimmen oan, det in tinkstien, lyk as men fen doel is
for him op to rjochtsjen, hielendal yngiet tsjin de geast fen dizze
skriuwer, ef hat men for syn inerlikst wêzen alle earbied forlern?);
mar ien andert is hjir mûlk: hy skreau wiswier lyk it folk it ljeafst
seach, om folle frjeonen to biwarjen for de tael; syn doel wier lyk as
ik langlêsten earne dúdlik en ienfâldich wier lies: it Frysk to
meitsjen ta folkseigendom. Troch _syn_ ynfloed bihelle de folkskinst
sok in forbjusterjende, howol net bliuwende, oerwinning.

Gearfetsjende bifine wy, det alle skriuwers dy ’t yn ús letterkinde fen
great bilang binne, hjar forklearre hawwe for de persoanlike kinst,
wier it net altyd yn dúdlike wirden, dy ’t gjin twivel oerlieten, den
dochs mei de die, útnommen allinne de Halbertsma’s en Waling Dykstra,
dy ’t de folkskinst bioefenen út ljeafde for de tael, hwerfor men wol
in wird fen wirdearring oer hawwe mei, as men bitinkt ho ’t derfor faek
nedich is de hillichste en ljeafste eigen fieling oan kant to skouwen.
Yn de hiele njoggentjinde ieu hawwe wy neist elkoar hawn dizze beide
bigjinsels, hwerfen men ek nou en letter ûnmûlk ien fen beiden
foartbanne kin, sûnder de tael sels greate skea to dwaen. _Hwent troch
de folkskinst wei to reagjen scil de tael gjin folkseigendom bliuwe
kinne, en hja scil net mei eare neist hjar sisters neamd wirde kinne,
as men it persoanlik uterjen tsjingiet._

Hjirút folget

1o. det it ûnbinlik is de gefolgen fen de greate folkskinstoerwinning
to bistindigjen;

2o. det de persoanlike kinst wer heart to kommen yn ’t bisit fen al
hjar rjochten;

3o. det lykwol de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei.

Men mei wol betinke, det de tastân by it Frysk hiel oars is as by de
haedtalen, hwer men for ’t bihâld fen de sprake gjin soargen hoecht to
hawwen, op syn heechst tasjoen wirde moat, det de suverens fen tael net
to lijen had ûnder frjemde ynfloed en dos de folkskinst hielendal net
nedich is. En ek wy scoene hjar net fen neden hawwe, as ús tael net sok
in swiere striid om hjar bistean út to fjochtsen hie mei it Hollânsk,
sadet wy reden hawwe to bislúten, det wylst de persoanlike kinst nea en
nearne ûntbrekke mei, as in sprake der op stiet for folslein oansjoen
to wirden, de folkskinst ûnder ginstige omstânnichheden tige skoan mist
wirde kin en det men de earste neame mei ivich-bliuwend, de twadde
lykwol mar tidelik, det dos

4o. de folkskinst minderwirdich is oan de persoanlike kinst.

Biskôgje wy dizze fjouwer wierheden, lyk as ik dy hopelik foldwaende
biwiiz’ge haw, yn it ljocht fen ús frysk-letterkindige skiednis, dy ’t
hjir boppe yn tige algemiene wirden bispritsen waerd, den bifine wy
det, howol de trije earsten hielendal oerien komme mei de geast, dy ’t
yn dizze skiednis hearsket, de fjirde, ho nuver it ek liket, frijwol
nij is, sa det men oannimme mei, det hjirtroch hiel oare tastânnen
berne wirde. Dit is den ek wezentlik it gefal.

Ta bislút fen dit haedstik wol ik yet oer myn twa earste stellingen, dy
’t hjirop delkomme det de folkskinst oan ynfloed biheart to forliezen
en as gefolch dêrfen de persoanlike yn krêften to winnen, in pear
opmerkings meitsje, dy ’t al kin ik der net oer útwreidzje, dochs net
oerslein wirde meije.

Men scil ynsjên det de forhâlding twisken dizze twa bigjinsels net
wirdt lyk hja heart to wêzen, as men út skrutelens der tsjin oan sjocht
om dizze saek biret oan to fetsjen, alles oan de takomst oerlittend yn
moedleaze miening, det it dochs fensels wol torjochte komme scil. Hwet
easke wirdt fen elts, dy ’t ljeafde fielt for ús tael en net sjên wol,
det wy skielk, as wy bigjinne to bisiikjen yn Hollân bilangstelling for
en binlik oardiel oer ús saek to krijen, en lyk as wy fen doel binne,
in birop dogge op de Ingelske taelkindigen, faeks op it hiele ingelske
folts, om net ûnforskillich oan to sjên, det in sistersprake forlern
giet, hweryn in stamme petearret, dy yet krêftich fielt for hjar greate
broerren oan de oare ich fen de Noardsé, in rampsillich stilswijen
biwarje moatte, as men ús freget eft us tael al dy moeite en ynspanning
wol wirdich is, kin allinne dit wêze: mei to wirkjen, det ús
persoanlike kinst wer de troane bikliuwe kin, dy ’t hjar neffens de rin
fen hiel ús letterkindige skiednis takomt, de persoanlike kinst, mar
den lottere troch hjar striid en krêftiger, gelegenheit kriget hjar wer
sa to ûntwikkeljen, det hja wirk ta stân bringt fen ivich-bliuwende
wirdij.

Dit heart ús doel to wêzen—en wy, jonge Friezen dy ’t fiele en witte,
det der hwet souns yn ús libbet, dat ho machtleas syn utering noutiids
sims yet wêze mei, dochs nei in stikmannich jierren sa taninime scil yn
bloei-krêft, det ús wirk to wirdearjen wêze scil en to genietsjen—wy
sjogge roun nei in fikse, warbere stipe, dy ’t ús oanmoedigjend seit
fierder to gean as wy wirk leverje, dat ús tael gjin skande docht, en
as wy omtoarkje yn fortretlike dize, ús wiist in ljochte wei. Mar
alderearst wier nedich in gelegenheit, hwer ’t wy ús ynlikste fielen,
mei it den ek wêze yn ’t earst yn faek ûnfolsleine foarm, frij
útsprekke koenen, en moast men ús binimme de twang ûnderhearrich om
romte to forsiikjen yn in blêd, hweryn wy ús net thúsfiele en dat,
prieljend mei in findel hweryn forneamde mannen en nommele skriuwers
hjar bliuwende namme opnimme lieten, deroan ûntrou waerd en syn gammel
bistean fierder libbet as in hún en mislediging for ús tael.

De greatste tsjinst, dy ’t it Selskip for fryske _tael_ en
_skriftenkennisse_ de twa saken, hwerfor it him, nei ’t syn namme seit,
to skoar set, noutiids biwiizgje koe, wier op myn forsiik to bisluten
ta útjefte fen in Wykblêd, en dit net by in ienfâldich bislút to
litten, mar nou einlings en to ’n lêsten ris moedich troch to setten,
mei „Sljucht en Rjucht” en dêrtroch de dekadinte
Halbertsma-Dykstra-skoalle de liedende posysje to binimmen.




III.


Mei ien inkelde die, hwerfor de tiden sa njonkenlytsen wis wol ryp
wirden binne, scil men dos útfier jaen kinne oan hwet fêst lein waerd
yn de twa earste gearfettings, op in wize dy ’t yn ’t bilang is fen de
fryske skriftenkennisse en sadwaende ek fen hiel ús folts, hwerfen it
bistean ûnmûlk de dea fen de sprake oerlibje kin. En mocht it ris
safier komme—mar wy scille goed dwaen der nou yet net op to
bitrouwen—det wy ús lokkich neame koenen troch sok in forskaet fen
persoanlike kinst, det dizze ljuwe mei it meast forskillend fielen en
tinken birikke koe, en forgoed ta hjar biwûnderers meitsje, wy scoene
den gjin folkskinst mear fen neden hawwe, en dizze as in bihelp hwerfen
wy al lang it ûnbihaechlike ûnderfounen, sadet it ús einlings in wearze
waerd, gerêst bistride, ef ljeaver forjitte kinne. Mar it liket der net
nei, det dit mei koartens barre kin, hwent sels de iennichste
persoanlike dichter, dy ’t in great diel fen it folts ta oprjocht en
ienfâldich meifielen wist to bringen (Pieter Jelles) swijt en biskôget
faeks de ûntwikkeling fen syn dichterlike opfettings mei de taheakke
fen 1909 as ôfroun; en yn safier ik op ’t egenblik de fryske
letterkinde fen de alderlêste jierren bistudearre haw, leau ik frij
sizze to kinnen det in opfolger, dy ’t de oandacht fen ek mar in lyts
diel fen it folk for him wist to winnen, him yet net hearre liet.
Tajown moat wirde, det de omstânnichheden, hwerûnder de fersen fen
Pieter Jelles op ’e nij yn ’t locht jown waerden, bûtenwenstige
ginstich wierne: ommers de biwûndering for de steatsman makke de
bilangstelling for syn dichten krêftiger, en troch it genietsjen fen de
Rispinge riisde yet de achting for de politikus. Ho forkeard scoe it
dos fen ús wêze, as wy, ús blynstoarjend op de rykdom dy ’t de
persoanlike kinst faeks folgjende jierren oanbringt, noutiids wylst wy
sjogge, det gjin inkeld persoanlik dichter yet it herte fen in
oansjênlik tal lêzers to stimmen wist ta meifielen, forgeaten derfor to
soargjen det de tael, dy ’t as folkseigendom dochs al sok in faei
libben laet, ek _as sadanich_ yn wêzen bleau! Dos wolle wy wer oandacht
jaen oan ús minlike folkskinst.

Yn it foarich haedstik haw ik as myn bitinken utere en sa folle mûlk
biwiizgjend taljochte, det ommers de folkskinst net hielendal
forwaerloazge wirde mei, mar det hja dochs minderweardich oan ’e
persoanlike kinst bliuwt. It liket sa op it each, det dizze beide
wierheden in nuvere, net bjuster haechlike tastân to weech bringe
scille: hja, dy ’t it bigjinsel fen persoanlike kinst mei de die
fordigenje, scoenen jimmer mei meilydsum glimke delskôgje op him, dy ’t
sasein út ljeafde for de tael en om dizze krêftiger libben ta to
foegjen, mar sûnder twivel yn wierheit út brek oan sterk-persoanlike
fieling, de folkskinst, wier it den ek mei tawijing, bioefene. En om ’t
it al ringen bliken dwaen scoe, det de wiere dichters dy ’t for de
_eare_ fen de sprake soargje, wylst de oaren mear noed steane fen hjar
_krêften_, ûnfordildich wirde moasten by it lêzen fen rimelderij,
hweryn hja allinne mar in bisiikjen sjên kinne om by it folts alle
langstme nei heger geastelik libben to deadzjen, scoenen nei minskelike
birekkening wûnder-healslachtige kritiken fen dizze kinstners it
gefolch wêze, hweryn hja twongen waerden, twiveljend twisken langstme
om de minderweardigens fen de folkskinst yn skerpe en stikelige wirden
ta to ljochtsjen, en de eangstme, skea to dwaen oan de libbensformogens
fen de tael, hinne en wer drifke wirde scoenen as in skip sûnder stjûr.
Dochs scille wy it hjiroer allegearre wol iens wêze, det wy yn de lêste
jierren al mear as genôch striid op frysk-letterkindich fjild bilibbe
hawwe, en det it heech tiid wirdt om in ein to meitsjen oan dy ivige
bitizing en ûnbinlike ôfbrekking fen it wirk fen oaren, dy ’t noflik
noch nuttich neamd wirde mei. Socht scil dos wirde moatte nei in modus
vivendi, sadet de folkskinst yn wêzen bliuwe kin, sûnder dochs sa leech
to stean yn gehalte, det hja ta skande is for de fryske sprake.

Under de forskate genre’s, dy ’t yn it Frysk oant nou fiersto min
bioefene waerden, it mei den wêze omdet wy yet nea skriuwers hawn hawwe
mei krêftich talint derfor, hwet men, as neigien wirdt ho ’t it yn ’e
fryske folksaerd leit, eltse saek earst soarchfaldich en earnstich to
biskôgjen, ear ’t men tawird ef goedkarring útsprekt, net bêst oannimme
kin, ef omdet it genre op him sels rju lêstich is en hiel hwet stúdzje
foreasket, moat fêst neamd wirde dat fen kritysk kinstproaze. Ik wol
tige bêst tajaen, det sok wirk, omdet it faken oansjoen wirdt for
droech en toar, en sels yn ’e rop stiet fen slim to genietsjen to
wêzen, hielendal net in rom tal lêzers forwachtsje mei, sadet it my ek
neat gjin nij docht, det yet gjin skriuwer it bistie sok in samling
proaze to jaen, hwerfor tinkelik ek net maklik in útjower to finen wêze
scoe;—mar dochs bihearde men yn to sjên, det saeklike, ûnpartidige, mar
foarâl net oan ’e bûtenkant bliuwende kritiken fen greate opfiedende
krêft binne for de skriuwers, binammen by sokken ûnder ’e jongeren, dy
’t yet in eigen paed to siikjen hawwe en langjend rountaeste nei hâld.
Det it in tige ûntankber wirkje is, omdet yens bêste frjeonen faken
blyk jowe net yn to sjên, det hwennear men twongen is hjar wirk minder
ginstich to bioardieljen, men jimmeroan allinne it each hat op de
kinstner, en nea de minske sels to nei komme wol, en men sa sels mear
fijânnen kriget as men op ’en dûr yn steat wêze scil to bistriden,
wylst mar in himpen tal lêzers komt ta wirdearringe for de sakelike
geast en de moedich-stoere wirden, scil fen my net ûntstriden wirde;
mar swierder as dit alles heart dochs to weagen it bilang fen de tael,
dy ’t men tsjinje wol nei yens krêften, dat mei klam easket oprjochte
en binlike kritiken, om sa einlings ta klearrichheit to kommen oer
saken, dy ’t kwea stiftsje en de tastân yet heisliker meitsje, salang
oer hjar allinne in dizige twivel bistiet. Seagen wy net oan it âlder
slachte yn ús letterkinde, ho ’t sels de bêsten en moedichsten, by it
brek oan krityk, bitiisd reitsje yn hjar eigen opfettings, den hjar dêr
al fêster en fêster yn biwoelje, sadet de koarde troch to snijen lyk
stean scoe mei it tabringen fen swiere wounen? Yn alle talen is krityk
in kinstgenre, dat net mist wirde mei, omdet de lêzers, dy ’t it sûnder
twivel tige drok hawwe, sadet fêst wol nimmen fen hjar fergje doar sa
lang troch to tinken, det hja hjarsels yn steat fiele in klear en
binlike miening to foarmjen oer it wirk, dat hja jamk mear trochblêdden
as liezen, tige nedich hawwe it inerlikste tinken, dat yn hjar slomme
mar net ta folle waeksdom kaem, sels nou en den yn dúdlik-útwirke foarm
op pompier wer to finen, fordet hja net ho langer ho mear forbjustere
wirde scille as hja jimmer wer komme to stean tsjinoer de meast
forskate opfettings. Hofolle to mear is dit den net wier for _ús_ tael,
hwer de meast mei eltsoar stridende bigjinsels faken yn it moed fen ien
en deselde skriuwer hjar sa bihaechlik en fornoegjend troch eltsoar
wine, det men sims sin hat it hearskip fen ûnfryske karakterleazens to
biskildigjen, bitocht men net det it kristeliker wier deselde fromme
oandacht to bitrachtsjen, dy ’t men jonge, hjitfolgige minsken tawijt,
yn hwaens siele like folle revolúsjes hjar útlibje as yn de woelichste
latynske steaten. En det iksels, dy ’t jong yette bin en fiel, ho ’t
myn tinken him eltse dei wider ûntjaen wol en myn earlike miening faeks
yn to oprjochte wirden siz, ho ’t ik my sels ek twing dochs foarâl
rêstich en steatlik-deftich to bliuwen om de yndruk by myn lânsljuwe,
dy ’t de hertstocht oars wol kennend, it nedich achtsje dizze mei de
ljeaflikste namkes to neamen, ryboskjend oer al hjar lea by de
skrutelste utering derfen, net hielendal to bidjerren, twongen bin, ik
allinne, kritiken to skriuwen, sjoch, is dit net in nytgjend biwiis fen
de machtleazens fen forskate skriuwers en in ûnnochlike fingerwizing,
det de ljeafde for ús tael, hwerfen men meastal sa sketterjend opjowt,
wol ris hwet slopper wêze koe as men jerne oannaem?

En yn dit forbân moat spitigernôch de namme fen Jan fen ’e Gaestmar yn
ûnginstige biteikenis neamd wirde ... ho lang dochs, o Catilina, scitte
misbrûk meitsje fen ús fordildigens? Hwent dizze skriuwer hat, faken al
wer, om ’t er yn ’t earst oer ’t hynsder tild waerd, trochdet in
earlike en oprochte krityk yn Fryslân dodestiids al like min to
bikennen wier as yn letter dagen, yn pleats fen dit brek út tankberens
rêstich bistean to litten, it nedich achte oer syn mei-skriuwers ris
tige de swipe to lizzen, dêr ’t lykwol de koarde hieltyd fen ôfstrûpte,
sadet den allinne mei de stôk fûleindich gatten yn ’e loft slein
waerden, lyk as in orkest-lieder jamk docht, dy ’t op oerstjûre en
falske wizânsje dirigearret. Dochs kin ik for syn moed, in nij genre yn
it Frysk to bioefenjen, al is it him den ek mislearre dit soun en
weardich to dwaen, net oars oer hawwe as in wird fen blide biwûndering,
en bin ik it hielendal mei him iens det it better is, soks dit yn’t
iepenbier to bistean as efter de rêch fen de bioardiele om, lyk as men
my fornijde det it letter fen minder moedige minsken, ef ljeaver sein
fen minsken yn in minder moedige rite, tapast waerd—sikersonk al wer in
nij genre, as men betinkt ho fier sok in hânnelwize it fryske aerd
ûntrint. En fierders jow ik ta, det de wearde fen de kritiken, hwerop
ik boppe doelde, fen hiel hwet mear bilang is as dy ’t de „Klankboarne”
bifettet, al is hjirmei nou net sa bjusterbaerlike folle útspritsen;
mei de hear Wumkes jowe wy utering oan ús bliere, loksillige hope, det
Jan fen ’e Gaestmar mei gauwens wer sa minlik wêze wol syn kritysk wirk
op it bikende plak to forfetsjen, dat ús wizer makket, omdet wy deryn
sa treflik oan ’e weet komme, ho ’t men it wirk fen oaren _net_ hat to
biskôgjen. Wy steane der út namme fen hiel letterkindich Fryslân by him
ynlik op oan, det hy syn nije rige iepenje scil mei in bydrage, hweryn
er den geastich en mei heech glimke, lyk as hy allinne soks dwaen kin,
de oanwenst op net neijer oan to tsjutten wize it wirk fen oaren
ljeafst efter dy hjar rêch om to bioardieljen, priis jaen scil oan ’e
forspijing, omdet wy mei him wol wis fen bitinken binne det nei ’t soks
ienris pleats hawn hat, forgoed ûnmûlk makke heart to wirden.

Hwet der den oan dizze kritiken haperet? scille somliken freegje.
Foarâl dit, det der aloan in miening utere wirdt yn algemiene,
ûnbitjuttende wirden, dy ’t sûnder biwiis taljochte, fierder krûpt oer
’e groun, lyk in klimmerplant him net omhegens jaen kin, as der nearne
hâld to bikennen is, en teffens, det dizze weardeleaze meidielings yn
sok in Frysk oan ’e lêzers foarset wirde, det it der tige bigjint op to
lykjen, as hie de skriuwer sterk tocht oan ’e miene ûntwikkelens fen de
minsken, ûnder hwaens eagen it sa dalik forskine scoe, as hied er dos
krityk-yn-folkskinst jaen wollen.

En ik moat, al moeit it my, wol sizze det bûten dit bisiikjen my mar in
tige bytsje kritysk wirk fen de lêste jierren bikend is, dat
fortsjinnet hjir neamd to wirden; hwent as men yn Forjit My Net sa nou
en den ris op ’e moaijens fen in boek wiisde, tsjûge dit meastal mear
fen suvere biwûndering as fen heech-steand kritysk ynsjoch, al wier
sims de tael krêftich en waerden de wirden mei krektens brûkt; en de
ivige plomkes oan skriuwers, dy ’t nou ienris fen eltsenien priizge
waerden en by hwa ’t men dos net maklik in mistaest bigean koe, mei
hjir net de eare oandien wirde der neijer op yn to gean. Mar hwet
fortretliker oandocht, ek ûnder de jongerein liket it my ta, det der
net folle ambysje for to finen is, yn kreaze en soarchfâldige opstellen
to wizen op hwet fen bilang wirde kin for ús tael. Rinke Tolman is wer
de iennichste, fen hwa ’t men sizze kin det er in suver en skerp
kritysk ynsjoch witte scoe to forbinen oan in pittige en frijmoedige
utering; lykwol kriget men by him foar en nei de yndruk, det er yet
gjin foldwaende stúdzje makke fen fryske skriften, en hwa, dy ’t bikend
is mei de nearzige rook, dy ’t opwalmet út de measte folkskinst-wirken
en mei syn romme en fearkrêftige fieling, scoe it weagje him oan to
fiterjen hiel dat goare en gammele saekje to ûndersiikjen?

Sa liket it der dos folle op, det der to’n earsten yet gjin praet wêze
scil fen in goede bioefening fen de kinstkrityk, sa as dy dochs, ho ’t
men it ek biskôget, tige yn ’t bilang wêze scoe for ús letterkinde en
dêrtroch net minder for ús fryske tael. De forklearring for dizze
útkomst is net to finen yn karakter en aerd fen de Friezen, hwerfen
ommers langlêsten yet in hollânsk opfiedkindige meidielde, det it jamk
in eigenaerdige oanliz meibrocht for kritysk en sakelik biskôgjen,
sadet it wiskinde-ûnderwiis yn it hiele ryk for it greatste part is yn
de hânnen fen ús lânsljuwe, mar moat wer taskreaun wirde oan de
oermachtige ynfloed, dy ’t de folkskinst foarâl yn de lêste
tsjientallen jierren wist út to oefenjen op de Friezen, dy ’t bihâldend
yn safier, det hja der jimmer tsjin oanskoarje de ûnearlik-formastere
reputaesje fen somlike ljuwe oan to taesten, ienris bihirde yn
biwûndering for dizze kinst, it net bistienen hjar nije miening moedich
to úterjen, as hja wizer wirden, it ûnbihaechlik-breklike fen sok in
kinst bifetten. Och, it wier lang net altyd ûnaerdich om to sjên, dit
mak skiepeftich folgjen, en de neiteam scil der him in hiele toarn mei
fornoegje kinne, as it yn kommende jierren bliken docht, det de
gefolgen dêrfen op ’en dûr net sa bjustere neidielich wiernen: men naem
it nedige skriuwersark en stâlde ringen in teltsje fen „feinten, dy ’t
safolle ieten” gear, ef ljeaver yet, yn de rûchskerne to lânne kamen
nei mislearre ûnderhânnelingen mei in wrede en hirde foarstinne, sa
forbaesde grappich, det men forwachtsje koe det de sûrste en wrangste
minsken skodden fen noflik laitsjen—en dit barde sikersonk; men liet it
net by ien bliuwe, skreau for de foroaring ek ris in ljeaflik rymke,
joech safolle trivialia út, det bûtensteanders bigounen to begripen,
det ûnkrûd op Fryslands fjilden bare skoan dije woe—en de ynskiklike
lêzers, dy ’t dochs ek ris hwet biwûnderje moasten—hwent to biwûnderjen
is in eask for it minskelik aerd, lyk as biwûndere to wirden in
algemien-minskelike langstme is—keakelen wolfornoege: „nou, nou, dy kin
der hwet mei, hear!” Krityk bistie net, en, hwer wol, seach nimmen der
nei om, sadet it for de persoanlike kinst ûndwaenlik wier in fêste
hâlding oan to nimmen, dy ’t hja mei moedich en heech gebeart
fordigenje koe tsjin lyts-leffe oanfallen, en dy ’t hja fen doel wier
mei krêftich trochsetten to biwarjen; ljeaver den foroardiele, om by it
greate folk ûnbikend to bliuwen, as de nekke to bûgen ûnder it
ûndildber jok fen in minderweardich hearsker. En sa waerd de miening
fen it folk ek de oerstjûging fen forskate persoanlike skriuwers en
eltsoar de waerme hân tarikkend, songen hja yn machtich koar in
brûzjend hildeliet for hwa ’t de smeits fen it folts bidoar; de wiere
dichters tochten der by dizze nuvere foriening net oan, det as de
lêzers oplaet waerden yn drege biwûndering for de ûngeve folkskinst,
eltse weardearringe for oar en suverder wirk wol dôve wirde moast, en
sa dolden hja it grêf foar hjar eigen foetten, hweryn hja ringen
tommelje scoene om skoften forgetten to wirden.

En iepen siz ik hjir in wytgjend wird, det dizze tastân, dy wis de
kiemen draecht for in deadlike syktme fen ús letterkinde, fen nimmen dy
’t it goed mient mei syn bertegroun, bistindige wirde mei en det, al
lykje de omstânnichheden dit eagenblik ûnginstich, om ’t men mei ljocht
bitwivelet ef der wol foldwaende krêften for to finen binne, dochs de
persoanlike kinst-krityk plak krije moat—en yn ’t earst sels in rom
plak, omdet der folle yn to heljen is—yn ús letterkinde, dy ’t dêrfen
neffens myn ynlike oertsjûging, neat as goeds to wachtsjen hat. Fensels
sjocht men lykwol yn, det it eltse kritikus ûnmûlk is meidogger to
wêzen van „Sljucht en Rjucht,” it krantsje hwerop men wol foar alles
oanfalle moat, omdet it, ta it skiere forline bihearrend, bliuwt in
swiere mislediging for ús tael, wylst „Forjit-My-Net” sa oan binyptens
lijt, det, waerden der ek gjin oare bydragen mear tastjûrd, it yet gjin
foldwaende romte ôfstean koe for in alles-hifkjende krityk, sadet ek
hwet dit oanbilanget it útjaen fen Fryslân (hwerom it dochs net Iduna
neamd?) hielendal needsakelik wier.

Lykwol scil it ek for de meast oprjochte en binlike kritikus yn
kommende dagen tige lêstich wêze, him in suver en soarchsum oardiel to
foarmjen oer de folkskinst fen ús njoggentjinde ieu. Hwent lyk as ik
mien al earder earne sein to hawwen, men kin it wirk fen de folkskinst
net biskôgje troch nei to gean, yn hofier de ynhâld treflik en
heechsteand, en teffens de foarm wol-forsoarge en kreas is, omdet by de
wiere folkskinst dizze beide haedsaken hielendal net biachte wirde, mar
men allinne de yndruk en ynfloed op it greate en brede diel fen it
folts birekkenet, dôch earder troch to ûndersiikjen ef it de
folkskinstner lokt is, sok wirk to jaen, det it tsjûge fen net oan ’e
bûtenkant bliuwende kinde fen de libbene folkssiele. Trije útwirkings
binne der mûlk as in skriuwer mient alderearst rekkenskip hâlde to
moatten mei de geastelike ûntwikkeling fen syn lânsljuwe-lêzers: syn
skriften kinne wêze fen in geast, dy ’t it algemiene bigryp fen it folk
to boppe giet—en den hat neffens myn miening de kritikus alle rocht, it
wirk mislearre to neamen en it as heal spil, minderweardich oan
persoanlike kinst en net brûkber as folkskinst, ûngenedich ôf to
brekken—, de skriften kinne bliken dwaen, det de skriuwer krekt fielde
en oars nei soarchfâldige stúdzje fen it folksaerd ta it ynsjoch kaem,
hwet foreaske is om sa to fortellen en to rimen, det de geastelike
hichte fen it wirk lyk stiet mei de ûntwikkeling fen it folts—yn dit
gefal mei de kritikus him twinge ta in minlik glimke en yn bidêste
wirden it wirk oanpriizgje as nommele folkskinst—mar ek kinne de
skriften oertsjûgjend biwiizgje det de skriuwer like goed de fieling en
smeits, as it bigryp fen de lêzers, dy ’t er him foarstelde, to leech
oansloech—en dit is wol it skriklikste, dêr ’t men yen yn tinke kin;
omdet der den in net to forwaerloazgjen gefaer bistiet—. Yn ’t earste
gefal scil de ynfloed, dy ’t fen it wirk útgiet, minym wêze en mei de
meast soarchfâldige oertinkings mei men forwachtsje, det it wirk sa tel
forgetten wêze scil, as it dit fortsjinnet; fen it twade kin allinne
goeds komme: ommers de ljeafde for de lânstael kin troch wirk fen dit
gehalte by it greatste part fen it folk yn stân hâlden wirde, wylst
fieling noch ûntwikkeling fen de lêzers der minder fen wirde scil; by
it trêdde mei oannommen wirde det de ynfloed op it folts bûtenwenstige
great wêze scil, omdet dit meastal sterk fielt for alles, hwet fen
fortocht soarte is, al wol ik hjirmei hielendal net neamd hawwe det it
gjin fieling bisiet for hwet moai is en nommel,—mar like wis kin yn dit
gefal as wier biskôge wirde, det de geastelike ûntwikkeling en it suver
fielen in knoei kriget. En nou is it sikersonk net maklik wiis to
wirden, ho ’t it fryske folk yn ’t midden fen de XIXde ieu krekt fielde
en tocht, omdet men fensels net útgean mei fen de folkskinst, hwerfen
men krekt de wearde oanjaen wol. Dochs scil dit wêze ien fen de
wichtichste plichten, dy ’t de persoanlike kinstkrityk heart to
forsoargjen tsjinoer de folkskinst, omdet wy der folle bilang by hawwe
to witten ef de achting en oandacht, fen somliken oan ús
folkskinst-skriuwers tawijd, wol earlik en binlik bistege is; dit scoe
ommers wol skriklik wêze en yen forgoed de moed binimme, ús tael to
sterkjen yn hjar lijen en to stypjen yn hjar striid, as it bliken die
det somlike skriuwers, hwa ’t der waerme hilde brocht waerd, omdet hja
de fieling for de sprake by it fryske folts wekker makken en hâldden,
yn wierheit teffens de smeits for it goede en moaije by ús lânsljuwe
fordoarn hienen. Binim ús den dochs dizze neargeastige twivel, o
kritikus fen de takomst! Net licht scil wêze de foarstúdzje for sok in
moedich wirk, en folle scil rieplachte wirde moatte om oersjoch en
bigryp to krijen fen it tinken en fielen fen forstoarne slachten; mar
wy hawwe der rjocht op, to witten eft ús biwûndering ús taelstriid
foartsterke ef yn ’t efter brocht.

Mar—en hjirmei kom ik werom op de fen my bispritsen forhâlding twisken
persoanlike kinst en folkskinst; ik haw oer de krityk efkes útwreide,
omdet it my talike, det men oan dit genre to min oandacht wije scoe, as
men der net op wiisd waerd—salang it net biwiizge is, det wy mei dy
biwûndering forkeard diene, wolle wy oannimme, det de folkskinst fen de
lêste ieu wierlik yn geastelike ûntwikkeling lyk stie mei de ljuwe, for
hwa hja skreaun waerd, det hja dos wier de wjerspegeling fen hiel it
wêzen en bistean, dat yn dizze minsken libbe. Ut it bigryp
„folkskinst”, lyk as ik it yn ’t bigjin fen haedstik II útspriek,
folget klear, det hja dit ek yn de takomst bliuwe moat; it is dos wol
it forstânnichst nei to gean, ef en yn hofier ús folk foroare is, omdet
de ûntwikkeling fen de folkskinst lyk bliuwe moat oan de ûntwikkeling,
fen hwa ’t hja birikke wol.

Oer it _algemiene tsjinwirdige aerd_ fen ús lânsljuwe scoe men hiel
hwet opstellen skriuwe kinne, sûnder det yet de folle bisûnderheden
útlein wiernen, dy ’t wy eltse dei wer op ’e ny by it folts merkbite,
lytse eigenaerdichheden, dy ’t faken sa mei eltsoar yn tsjinstriid
binne, det men by yen sels freget eft yn hiel det
wûnder-tizich-opwoeksen wâld wol paed to bikennen wêze scoe. Mear as
troch in mânske en oanheljende ynfloed fen Hollân en syn ridlik wiffe
bigjinselleazens oan to nimmen, liket it my ta det dit to forklearjen
is, mei to bitinken, ho ’t ús folk for de twade kear yn syn bistean,
forkeart yn in tige bilangryk oergongs-stadium:

Al yn skiere tiden sjogge wy by de fryske stamme dieden, dy tsjûgje fen
greate ljeafde for de eigen groun, al is dizze fieling miskien earder
ûntstien út tsjinsin om to gean, hwer oare en frjemde foltsen wenje, as
omdet de Fries fen oanliz sa heech roun mei alles, dat er sines neame
koe. En sa kaem hja der ta mei forwûnderjende krêft alle oanfallen fen
útlânske foarsten en foltsen ôf to slaen, lykwol net om den wer fredich
fierder to libjen op de groun, dy ’t sa geskikt wier for feardige
fordigening, mar om hjar krêft forlern gean to litten yn in einleas tal
strideraezjes, dy ’t, hja mochten tsjûgje fen stoere karakterfêstens,
faken ûntstien wiernen út lytsgeastige kwesjes; in tige bilangryk
forskynsel dit, hwerop ik skielk werom kom. Mar op ’en dûr seagen de
Friezen, minsken mei minder fieling for it romantyske fen in apart lân,
hwerfen mar in bytsje nei bûten útlekket, as for it praktyske foardiel,
dat jamk troch omgong mei foltsen fen oare stamme to biheljen is,
better yn, det stil stean to bliuwen by eigen biskaving, sûnder
ûntwikkeling út ’e frjemdte ta to litten, yen wol efterop bringe moat
en to min krêft tafoegje kin om sterkernôch to stean tsjinoer útlânske
machten—en hja bigjinne mear omgong to siikjen, mei hwa ’t der libje
bûten hjar lyts lân: dit bart yn de tiid, det it ein fen de frijdom fen
Fryslân as ôfsûnderlike steat al tichte by is. Dizze langstme nei it
frjemde, dy ’t wol komme moast as reäksje tsjin de strange
heitlânsljeafde fen earder dagen, kriget ringen rommer fjild, as
Fryslân twongen wirdt diel út to meitsjen fen it wrâldryk fen Karel V,
omdet den dizze frjemdsin, lyk men it sims yn ûnginstige biteikenis
neamt, neat misdiedichs mear hat: ommers sûnder det immen it ea uterje
doarst, wier inkeld as tsjinwicht for de greate ljeafde-fieling for
eigen groun kommen de langstme, diel út to meitsjen fen in oar en
machtiger ryk, hwer alles better en trefliker wêze scoe. Hwent bigearte
nei mear bleau de Friezen net frjemd, en omdet hja to lyts yn tal en
macht wiernen om it lân fen hjar bûrljuwe to oermasterjen, wier it
iennichste, hwertroch hja mear krêft útoefenje koene, in weardich diel
to foarmjen fen in op him sels al great-machtich ryk.

Dit is hwet men neame kin de earste bilangrike frjemdsin-biweging, dy
’t in stoffelik karakter hat—feiliger to libjen ûnder hearskippij fen
in krêftich foarst—en hweroer wy, rekkenskip-freegjend neiteam, it
rjocht hawwe in strang-ûnginstich oardiel út to sprekken.

Mar wier yn de tiid fen dizze bilangrike biweging, dy ’t wol nearne him
utere yn dieden fen bliuwende weardije, mar dochs for ús dúdlik to
folgjen is, it de ljeafste winsk fen Fryslân, mei greatskens wize to
kinnen op in machtiger ryk, hwerfen it in diel wier, hiel oars is it
langjen fen it tsjinwirdige fryske herte, dat yn syn sin for
ûntwikkeling en wiere biskaving jimmer groeijend, diel winsket út to
meitsjen, net mear fen in bisletten steat, mar fen hiel de wrâld. De
meast ûnderskate opfettings oer steatkindige en godstsjinstige kwesjes
fine noutiids hjar oanhing op de romme mieden fen Fryslân; it folts,
alear bikend om syn fêsthâlden oan âlde brûkmen en seden, bigjint
stadich wol, mar fêst-bisletten oerein to rizen út de bihâldende
winterdodde en langet nei ljocht en witnis, op de ljeafde-leare fen de
tsjerke bitrouwend somliken, oaren folgjend in djûre, eigen-woune
oertsjûging. Foarby rekke njonkenlytsen de tiid, det Fryslân stie bûten
eltse ûntwikkeling en de striid, dy ’t dizze jimmerwei meibringt en do
’t syn mieden ús wiernen lyk in treastlik plak, hwer wy mimerje koenen
en rêste, soargeleas en bidêst; ear ’t wy it wisten kaem like goed oer
ús de langstme, stridend to stean mids hiel dy woelige wrâld, net
earder delsittend as hwennear wy to rêsten fortsjinnen.

Sa mei ik den sizze: wy steane yn de twade frjemdsin-biweging, in
suver-geastelike dizze; hwent net scil de tiid ús langer foarbygean,
sûnder det wy wizer wirde, en yn ús dieden wytgje, det wy it doel fen
it libben werfounen. Dos wirdt it ús dúdlik, det it libben fen ús folk,
lyk as to forwachtsjen wier, ta yn syn inerlikst wêzen foroare, sadet
it tiid wirdt, det wy soks ek bifine yn de wjerspegeling fen dit
libben, yn de folkskinst, dy ’t wy sa iverich biwarje woenen om by ús
folk de fieling for hjar tael wach to hâlden...

Dochs net: nou wolle wy fen gjin folkskinst mear witte, hwent wy
sjogge, det hjar antlit stiif waerd en hjar each de glâns forlear, det
hja biheart ta foarbygeane tiden en forteach. En wylst wy mei smerte en
forbûke der nei skôgje, omdet hja ús dochs ljeaf wier, dit âld wyfke,
hok in lêst en lijen hja ús sims ek oandie, en fiele, det dit dochs wol
wis in forlies is, pynliker as wy tocht hiene, wirdt der sêft in hân op
ús skouder lein, en stadich sjogge wy, yet neimimerjend oer hwet barde
... den komt in glimke wer en fornoege sizze wy: „de keninginne, âld
fen jierren, stoar: sa libje den lang de nije!”


Men scil tinkelik ynsjên, hwet ik mien mei de lêste wirden. It fryske
folts wol, ho ’t somlike dompers der ek om skrieme, noutiids foar alles
mear witte fen de greate geastelike opfettings, dy ’t yn hiel de wrâld
hildige wirde as liedende bigjinsels en dos in net mânskernôch to
achtsjen ynfloed útoefenje op elts, dy ’t net bûten de wiere
ûntwikkeling sletten wirde wol. Der bistiet gjin twivel, det as men der
net ta komme kin yn it Frysk to skriuwen oer bilangrike
biskavingsforskynsels, de Friezen bisiikje scille dêroer ta
klearrichheit to kommen yn it Hollânsk net allinne, mar sels útlânske
wirden en sizwizen oernimme scille, hwet wer ien fen de slimste gefaren
is, hwertroch it Frysk as biskavingstael bidrige wirdt; en tige
machtich is yn dit stik fen saken de ynfloed fen de skriuwtael, sadet
men oannimme mei, det dit gefaer fensels wol oerbetterje scil as men de
nije keninginne net langer hjar wente ûnthâldt, as men ek yn ús sprake
romte jowt oan, hwet ik neame wol, de ûntwikkelingskinst. Ek hjir fyn
ik Jan fen ’e Gaestmar wer tsjinoer my; men scoene suver wirch wirde
fen sok in striid, dy ’t mistreastich makket lyk as eltse kriich tsjin
in wiet-oanfielende dize.

Yn syn wirkje „Is der in fryske tael?” hwerfen û.o. de bistjûrder fen
in frysk wykblêd folle goeds wist to sizzen, der op wizend det
skriuwers der binammen in heap út leare kinne (!)—hwet hiel wol mûlk
is, mar den fêst net folle goeds—stiet op s. 42 ûnderoan to lêzen:

„Yn dit forbân moat ik ek wize op it bidroefde forskynsel det de
Friezen langer de formogens net habbe om nije bigripen in Frysk pak oan
to tsjen (ornaris is for it meitsjen fen in pak mear ynspanning nedich
as for it oantsjen. K.). Mei oare wirden: det de Fryske folkstael it
fornaemste skaeimerk fen in tael: it oanrieden fen syn wirden en
gearstallingen út ’e eigen taelskat, kwyt is. Lyts hûndertfyftich jier
lyn koene de Frânsken hjir hjar _pommes de terre_ yet bringe, sûnder
det wy mei it frjemde ding it frjemde wird oernamen. As se ús hjoed de
dei de nije frucht stjûrden, einou, den wierne en bleauwen it _pommes
de terre_, yn safier, fensels, det de namme wol hiel gau forrinne scoe
ta _pommetèr_ ef soks sahwet.” (O! dat freeslik ûnformogen yn jimme, om
de sinnen gear to stallen ... lyk it yn goed proaze heart! K.).

It sizzen giet fen dizze dichter-kritikus-taelkindige, det hy wol ris
jonge minsken oanfitere hat om mear to dwaen for de tael, dy ’t
spritsen wirdt yn hjar heitelân. Mar men scoe den dochs sa jerne witte
wolle, hwerom er alle mûlke war docht om ûnder de minsken neamd to
wirden, fen hwa ’t in lieder fen ús skriftenkennisse ris krekt
forklearre, det hja om ’e hoeken mei modder stean to smiten, om dêrnei
út to roppen: sjoch, ho bismodze it klaed fen ús skienne fryske sprake
is. Hwent elts, dy ’t efkes trochtinkt en him rekkenschip jowt fen de
tastân fen oare talen, wit tige skoan, det gjin inkelde folkssprake yn
staet is for elts nij bigryp in nije namme to finen; in wird as it
Hollânske „fiets” is sok in greate útsûndering, det de taelkindigen der
yet wol lang nocht oan hawwe scille; útfynsels yn it fornoegjend genre
„plakdinkie” komme ek yn ús tael yet by de rûs for, en elts dy ’t dit
ûntstride wol, jowt dermei oertsjûgjend biwiis, det er net foldwaende
thús is yn de libbene folkstael, wylst in wird as „vliegenier” hwerfen
de takomst yet ûnwis is, allinne yngong fine kin om ’t it bitocht waerd
troch de hearen fen de skriuwtael. Teikeneftich is, det men yn alle
talen by nije útfinings boarget by it Gryksk ef Latynsk, wol mei omdet
de namme den forsteanber wirdt for alle ûntwikkelen oer de hiele wrâld,
mar mear yet om ’t it nou ienris ûnmûlk for de sprekkers fen de tael
is, sels in feardige namme to finen. Fierders scoene men hjir wer de
bûtenwenstige skerpens biwûnderje kinne fen it taelkindich ynsjoch,
hwermei de Gaestmarder Hear him sa nuvere bliid makket, mar dat dochs
bliken jowt net bifetsje to kinnen det wy ienfâldich sizze „jirpel” ef
„pommetèr” al nei ’t de ljuwe oan’e oare ich fen ’e sé dat dogge, sadet
dit foarbyld, ynpleats fen in forkearde redenaesje ta to ljochtsjen,
dizze yet diziger makket. Om lykwol ús binlik oerdiel oer ’e
taelwittenskiplike skerpens fen ’e Gaestmarder Hear to biwarjen, wolle
wy mar oannimme, det dizze koarte útwreiding inkeld ûntstien is, omdet
de hear Hof sa danige graech sjên litte woe, det er ek al wist, hwet
„jirpel” yn ’t Frânsk is en yn dizze prizenswirde iver wol hwet tige
nuvers uterje, as wy den mar op ’e hichte kamen mei syn talekennisse.—

Do ’t Ingelân dizze striid bigoun, hwerfen it sels forwachtsje koe det
er swier en pynlik wirde moast, waerd der fen ien fen de ministers in
nommel en treflik wird sein, dat it hiele lân om syn stoere ienfâld en
hege libbenswizens lang oare oandwaen scil; de utering wier dizze:
„Lokkich meije wy ús priizgje, det ús bilangen en ús frjeonskip beide
de selde side kieze”—hwent oars is der strange striid twisken dizze
twa, ljeafde en it eigen biderf. Mei men it lytse lykje by it greate,
litte wy den bliken dwaen dit wird forstien to hawwen, troch mei rie en
die ús ûntwikkelingskinst oan to moedigjen, om sa it fryske folts wer
for lange tiden trou strider to meitsjen for syn tael, troch it yn syn
biwende lûden de geastelike stipe to jaen, hwerom it freget. Dit kin
lykwol net mei genôch klam sein wirde, det eltse partij-opfetting fier
fen sok in kinst bliuwe moat en gjin inkelde kear in skriuwer fen eigen
bline biwûndering laet, eat uterje, dat ek mar de skyn hat fen somlike
steatkindige bigjinsels ôfkarre ef oanpriizgje to wollen; ommers yn ús
fryske letterkinde, hwer dochs al in striid geande is twisken
opfettings hwerfen men earder it oanboazjen as de frede to wachtsjen
hat, kin en mei net in twade oarloch ûntstean, dy ’t ûnder ûnginstige
omstânnichheden it moaiste en djûrste fen ús wirk to neate dwaen koe.
Fen in lyts en forsichtich bigjin scoe al greate oanfiterjende krêft
útgean: in koart-ienfâldich, sakelik en ûnpartidich, mar foarâl yn
goe-fryske wirden gearstâld ynlânsk en útlânsk oersjoch, hwerfor men ús
treflikste en rypste skriuwers oansiikje moat, scil biskôge wirde as in
blier ûnthjit, det einlings it Frysk hâlden wirdt for in folsleine tael
en it dos wol-fortsjinne eare jaen. En omdet ús skriuwers for it
greatste part bidaerde en ienfâldige minsken binne, dy ’t hjar troch de
bank net op ûnbigryplike wize uterje en yn hjar fielen jimmer frysk
bliuwe, mei men forwachtsje det de persoanlike kinst, dy ’t it Frysk in
moaije en soune letterkinde jaen kin, sadet ús tael den ek hjiryn lyk
stiet mei dy fen oare lânnen, en de ûntwikkelingskinst, dy ’t yn steat
is wirden to sizzen, hwernei de Friezen langje, sadet „hjar bilangen en
frjeonskip deselde side kieze” mear for ús sprake dwaen scil as allinne
de folkskinst, hwerûnder njonkenlytsen sels it folk fortreflik wirdt en
dy ’t ivich bisocht de persoanlike kinst it swijen op to lizzen.

En mocht der yet in tal minsken wêze, to slap en to toar om fen hwet
oars to genietsjen as fen folkskinst, en dat men dochs net for ús tael
forlern gean litte woe: woloan, hawwe wy al gjin folkskinst genôch yn
de „Rimen en Teltsjes” en de wirken fen W. Dykstra? Mar elts nij stik
yn dit kinstsoarte scil wêze in nij stik modder, keild nei it klaed fen
ús sprake en in húnjend wird, hjar mei opset sin tafoege.

Yet wol ik in wirdmennich sizze oan de jonge fryske skriuwers, dy ’t
allicht foarljochte troch tsjoede rie hjar fine lieten de wei fen de
folkskinst to bitraepjen, hwerop lyk hja gewoan binne to sizzen, ek
Walingom sok in tige namme makke en eare bihelle. Jong binne jim’, lyk
as ik en dêrom myn frjeonen; sa sjoch ik den ek kâns it folgjende to
sizzen yn rêstige en frjeonskiplike wirden. Wêz der dochs wol fen
oertsjûge, det it de geast fen de forneamde skriuwer net is, dy ’t
jimme miene to fordigenjen troch jim’ oan to sluten by hjar, dy ’t syn
namme misbrûkend om sels plak to finen for hjar nearzich-lyts wirk,
bisiikje de deade folkskinst in hâlding en uterlik to jaen, as wier hja
yet yn wêzen; hwent Waling Dykstra woe mei syn skriften hânnelje yn ’t
bilang fen folk en lân en tael, mar as jim’ noutiids bisiikje syn
skriuwtrant nei to folgjen, geane jim’ út fen in fordroege bigjinsel,
dat yn tsjinstriid is mei it wolwêzen fen tael en folk en lân. En
mochten jim’ fen bitinken wêze, det soks minder skele kin sa lang jim’
mar eare wirde as fryske skriuwers, den wol ik, hok in wearze ik fen
sa’n ûnderstelling haw, dochs der op wize, det yet fêster as in
rjochter boppe de warbere wolkens, der in ierdsk rjochter bistiet oer
uterings fen geastelik libben, dat syn strang oardiel sprekt, hwennear
men yen der net mear tsjin forsette kin: it rekkenskip freegjend
neiteam.

Meitsje jimme den net ta in libjende hún for hiel ús fryske tael, troch
rymkes en teltsjes to skriuwen, hweryn gjin fris-bloeijende fieling
hjar uteret; doch dos net as bijierre wyfkes, dy ’t witte det hjar ein
tichte by is en yn hwa ’t it libben noch krekt biwarre wirdt troch in
broeijend koaltsje en in kopke hite kofje; en skriuw gjin neare en
stroffelige kleilieten det it flesk sa djûr wirdt en mear as de drank
de pronk hjir kwea stiftet. Myn djûre fersen-meitsjende frjeonen! jim’
scille, bihalve goede, bêste rimelers, dochs ek jonge minsken wêze, dy
’t wol ris langje nei eat oars, as hjarren bean wirdt fen deistige
sleur, wol fieling hawwe for it lok fen it libben, en dy ’t net to lef
en ynbânnich binne om soks oprjocht en earlik to uterjen. Det jimme
moeike earne in hiele toarn as tsjinstfaem wenne hat, wol, soks hat
sûnder mis bilangrike wrâld-skiedkindige biteikenis, mar yn ús tael
lêze wy dêroer dochs ljeaver gjin houten rymkes; forhelje ús fen de
oandwanings, de meast inerlike, fen jimme moed, en fensels wirdt it
fers wol better. Hwent sikerwier, as jimme fierder gean yn sok in trant
to skriuwen as jimme dienen oant nou ta, den scil it bilang fen ús tael
ús twinge ta skerpe en ôfbrekkende kritiken, dy ’t for jimme net noflik
wêze scille to lêzen, allike min it for ús in ynlik geniet is, hjar to
skriuwen.


Gearfetsjende fine wy it folgjende:

1e. de folkskinst heart in wiid fjild to forliezen oan de persoanlike
kinst en hwet hjar bliuwt, ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering;

2e. de persoanlike kinst heart mear bioefene en krêftiger to wirden.

Men scil ynsjên, det beide is yn ’t bilang fen ús sprake, hwent howol
de persoanlike kinst oerwoun waerd, is hja net forslein, sadet mei
koarte tiden de striid tsjin de folkskinst dochs wer mei nije krêften
bigjinne scoe, fûleindiger yette den, omdet hja nou foar ’t forstân
krige hawwe, ho ’t de ien net bistean kin neist de oar. Lykwol is
striid twisken persoanlike kinst en ûntwikkeljende utering ûnmûlk,
omdet beide ljocht bringe wolle en forheging.—Yn dizze twa haedstikken
dielde ik mei: de oertsjûging fen de jong-fryske biweging yn
letterkindige saken.




IV.


Seagen wy by ús koarte biskôging oer Fryslâns _skriftenkennisse_ al, ho
folle ûnwissens hwet bigjinsel en fêste opfetting oanbilanget, dêryn
waernommen wirde kin, sadet it in ûnbihaechlike saek liket in
letterkindige skiednis to skriuwen, hweryn rekkenskip hâlden wirde scoe
mei de foarnaemste geastlike streamingen, skerper en pynliker fiele wy
dit brek, dat men hast bigjinselleazens neame moat, as wy neigeane it
forrin fen de fryske _taelstriid_. Ommers de letterkinde, samling fen
uterings, lyk hja yn ’t earste plak is, fen forskillend-tinkende, faek
hjarsels tsjinsprekkende persoanen, scil jimmer bûnt en tige forskieden
wêze, al mei men easkje, det de ûnderskate bigjinsels mei de nedige
fêstens fordigene wirde; mar yn de taelstriid, hwer mar ien great doel
wêze mei, nammentlik de machtichste en meast bliuwende krêft oan de
sprake ta to foegjen, en hwer eltse persoanlike opfetting heart to
fordwinen for de algemiene, mei men dochs forwachtsje bliken to finen,
dy tsjûgje fen _ien_ great wollen en dy ’t lyk as kompasnidlen op fier
fen eltsoar lizzende kriten, wize nei ien fêst doel. Ut it fortretlike
fyt, det soks yn ús taelstriid oars is, mei men lykwol net ôfliede det
it fryske folts sels net wit, hwet it wol, en gjin fêste, dûrjende
winsken hawwe scoe, mar inkeld en allinne dit, det de foarmannen, de
geastlike lieders fen in folts, dy ’t as gefolch fen riker en riper
ûntwikkeling, forlearden de ienfâldige wizens, gjin hichte hienen fen
de ynlikste winsken fen de lânsljuwe, dy ’t efter hjar stienen, en yn
hjar bisiikjen der klearrichheit fen to krijen, kamen ta ûnderskate
útkomsten.

Langlêsten waerd my thússtjûrd „de Koarte Oanwizing,” in wirkje dat
foarâl om de lytse kronyk oer de fryske taelbiweging, hweryn it lokt is
neffens de tiidsrige oan to jaen, hwet der foarâl bilangryk wier yn ús
taelstriid, sûnder dochs it oersjoch út eltsoar to skoerren, mear goeds
ta stân bringe kin as somlike wiidweidige biskôgings, dy ’t neat
betters witte to dwaen, as in tankliet to sjongen oan de treflikens fen
it selskip.[5] En ien fen de earste dingen, dy ’t myn oandacht wer
namen, lyk as al sa faken as ik lies fen fryske taelstriid, wier, ho ’t
al dizze minsken, forneamd fen namme, krêftich fen die en mei praktysk
forstân rom seine, neist eltsoar bouwe en timmerje, sûnder foar hjar to
hawwen ien soarchfâldich útwirke bistek, hwernei hja hjar dieden dwaen
kinne sûnder earnstich biskôgjen en moedleas mimerjen. Freget men dizze
ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar
hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen
to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun
hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wol-bikende wird: „Ut
ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.” En wis, sok in blier andert
makket him dy ’t it heart in amerij bliid en lokkich, yn ’e oertsjûging
det men rekkenje mei op fruchtbere útkomst as sok in tal minsken, dy ’t
safolle mear witte as wy, yet steande oan de poarte fen ús libben,
forklearring jowe fen de ynlikste fieling for dizze moaije, hast
hillige saek; mar ringen komt wer de âlde ûnforsetlike twivel. Twivel
net oan de wierheit fen dizze forklearring, hwent dat wier wol in
missedie en ûnwirdich (hm!), mar twivel eft sok in utering, sels
hwennear it wird mei de die yn ienklang is, foldwaende wêze scil, en yn
steat op ’en dûr sa folle, en foarâl wirk fen sok in bliuwende wirdij
ta stân to bringen, as nedich is en wy wol jerne seagen.

 [5] Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk
 dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne
 plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man,
 hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút
 bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de
 Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt
 mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn
 geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to
 hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije
 scil.

Ho bryk de neikommende forgeliking ek wêze mei, ik moat der wol efkes
op wize, omdet ik soarch haw det ûnredsume minsken yn hjar iver yn
dizze forhânling opfettings to finen, dy ’t mei eltsoar yn striid
binne, my forkeard forstean koenen en in gehaspel mei ûnsuvere
redenaesjes wer it gefolch wêze scoe: al kin der by de persoanlike
kinstkwesje net genôch klam op lein wirde, det hwet easke wirdt, is it
fielen en tinken fen in inkeld skriuwer, ho apart dat ek wêze mei, by
de taelstriid moat eltse persoanlike fieling ta swijen brocht wirde om
to folgjen ien great bigjinsel, dat fen de measte striders goed neamd
en oannommen waerd. En as men de dieden fen ús fryske striders (net
langer skriuwers nou) soarchfâldich biskôget en in liedende geast dêryn
bisiket to finen, den komt der wis, ho goed men ek biachtet, det al
dizze dieden tsjûgje fen machtige ljeafde, de twivel eft dizze geast
wol ea bistie, en, slimmer, noutiids wol libbet.

Al rekkenje ik my net yn steat, in weardige miening út to sprekken oer
de ûnderwiis-bifoardering, dy ’t safolle suver trochtinken, praktysk
ynsjoch en djippe bisprekking foreasket, de saek is to dúdlik in
foarbyld, om ta to ljochtsjen hwet ik mien, den det ik dit stilswijend
foarbygoan scoe. Dit witte wy sikersonk allegear tige skoan, det it
ûnderwiis yn ’t Frysk lange jierren tafek bliuwe moat en det wy tige
blier glimkje scoene, as it mar tafek wier op alle skoallen yn ús lân
(men scil hjiroan wenne moatte, det ik troch de bank mei _ús lân_
Fryslân mien, wylst ik it hiele keninkryk neam _it ryk_, omdet ik
biswier meitsje it wird „gewest” yn ’e mûle to nimmen). Mar woloan,
tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde
delsaeide, dy ’t ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta
stân komme scoe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy ’t
fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de
ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwet gauwer biskie, det hja
mei de tynge fen de winsk nei de kriten fen it ljocht opwjokje koe,
foardet hja troch de kjeld op dizze keale wrâld bifêrzen wier. Hwent
somliken scoene fen bitinken wêze, det it wol it treflikst bislút like
yn hiel it lân op alle skoallen it Frysk to biwarjen as tafek, oaren as
hjar miening yn ’t formidden bringe, det it fen eltse kant biskôge
sûnder twivel it bêste wier it Frysk en Hollânsk like folle romte to
jaen, wylst in trêdde partij it ûnderwiis hielendal barre litte woe yn
it Frysk, mei derneist it Hollânsk as tafek. En nei minskelike
birekkening scoe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen.

Dit brek oan ienriedigens is hjirtroch wol it bêst to forklearjen, det
de mannen fen it selskip, ynsafier ik neigean kin, allegearre miskien
mei útsûndering fen H. Sytstra,[6] oer hwa ’t ik oant nou ta mear
stúdzje makke haw, hwet syn dichterlik wirk as hwet syn
selskipsstreevjen oanbilanget, fen de miening útgien binne, det men
bisiikje moast to foarderjen trêd foar trêd en det men, earst nei
útfier jown to hawwen oan ien plan, neigean moast hwet as twad wirk it
winskelikst en nedichst like. Faken sprekt hjir dúdlik út ús frysk aerd
en libbensopfetting, dy der in tige biswier tsjin meitsje ek mar ien
hea-raei mear op ’e foarke to nimmen, as men foarút troch strange
birekkening wis wit tille to kinnen, dy ’t ljeaver hwet stadich en
eltse kear weroan oerlizzend to wirk giet. Mar it gefolch is, det by in
demokratysk regearjend selskip, hwer’t alle saken fen mear as gewoane
biteikenis foarlein wirde oan de Algemiene Gearkomste, men elts
eagenblik stiet to mimerjen hokker wei men ynslaen moat, om, as men
einlings in bislút naem, to ûnderfinen, det wer in oar in oare kant
opwol, hwerfen in fortretlik-stadich en dûrjend mieningsskeel it
gefolch is. Noutiids foarâl, wylst it op eltse Gearkomste en mear yet
yn it hiele selskips-libben bliken docht, det der in krityske geast him
bigjint to oppenearjen tsjin de dieden en plannen fen it Haedbistjûr,
wirdt it jimmer dúdliker hok in gefaer der bistiet, det de krêften fen
it Selskip to neate gean scille troch inerlike striid. By elts nij plan
bistiet der great forskaet fen miening en opfetting, sadet in
bûtensteander dy ’t net op de hichte is mei it tinken fen de
selskipsleden, wer fêster groun en greater frijdom kriget for syn
oertsjûging, det de Friezen wol wis in sin hawwe eltsoar yn de tsjillen
to riden, dat faek machtiger twingt as de ljeafde for de sprake en it
rêstich biskôgjen fen hwet wol it bêste wier for hjar bloei.

 [6] Yn it bisit fen syn soan O.H. Sytstra binne yet forskate brieven
 oer út ’e briefwiksel twisken H.S. en Tiede Dykstra; scoe ús samler
 der net ta komme kinne yn Forjit-My-Net-Fryslân hjirút iepenbier to
 meitsjen, hwet mei de taelstriid yn forbân stiet?

Mar ûnwiten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown
waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht
tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in
fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich
mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to
hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men
ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to
birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy
stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean,
dy ’t like folle krêften jowt as de twivel binimt. Den hoecht men
allinne mar op yens hoede to wêzen, om, fen de stjerre forlaet, net mei
to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer
yette, warch delfalt, ear ’t men kaem hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy
yn ús frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men
it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens,
mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis
det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat? Litte wy dos earst ús
eagen iependwaen for dizze minlike stjerre, det wy net mear hoege roun
to taesten yn in nearzich tsjuster, hweryn wy eang binne for kûlen en
sûgende sompen; hwent do ’t ik niis spriek fen in doel _fêst to
stellen_, wier myn sizzen ûnsuver.

En nou moat ik, howol it my moeit, in wird sizze det forskaten ûnder
myn lêzers rou en hird yn de earen klinke scil, en meitsje, det men, as
men troch myn foarste haedstikken yet gjin genôch wirdearringe for myn
wirk krige hie, wol tige frjemd tsjinoer my komme scil to stean: de
mannen fen de fryske tael wolle blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja
eang binne it ljocht net forneare to kinnen; hja doare de strange,
moedige trochfiering fen hjar eigen bigjinsels net oan, hja sjogge der
tsjin oan to dwaen lyk it herte hjar talústeret. Myn frjeonen en ik
lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it
jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin:

Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear ’t wy it
birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det
_de fryske tael_ wer komt yn ’t bisit fen al hjar rjochten, det hja dos
_wer wirde scil de hearskjende_ tael yn ús lân en it Hollânsk allinne
op ús skoallen leard wirdt, om ús bûten it lân dochs rêdde to kinnen;
en det, mochten de hollânske ljuwe hjiryn oanlieding fine yn kommende
tiden de fryske taelstriid mei lytse en feninige middeltsjes tsjin to
wirkjen—ta hjar eare moat sein wirde, det dit hjarren ûnwirdich wêze
scoe—hja allinnich de skild der fen binne, det ús striid, noutiids
inkeld miend tsjin hjar sprake, keard wirde koe tsjin hjarren sels.[7]

 [7] It liket my ta, det men yn Hollân, dêr ’t men ek sa folle fieling
 hat for de flaemske biweging, oan sok sizzen gjin niget hat.

Sikersonk moat it yen binije, det nei hûndert lange en ûnderfiningsrike
jierren fen taelstriid en taelbiweging der yet jimmer ljuwe libje,
foaroansteande yn ûntwikkeling en faken frisse, to wirdearjen
bioefeners fen ús letterkinde, dy ’t as hja hearre, hwet elts
forstânnich-biskôgjende lêzer ôflaet út hjar skriuwen oer ljeafde for
de âlde sprake en biwarjen fen it folksaerd, fen kleare bare
forwûndering en oerstjûrens gjin wird mear to sizzen witte; hienen hja
den sims forwachte en winske, det biwûnderjende lêzers al de
klinkklank, út in nea net warge, jimmer troch-njuentsjende mûle
streamd, lyk de mistreastige drippen op in tjirmjende hjerstdei, mar
hâlde scoene for tiid-koartsjende lietkes-sûnder-ynhâld?

Mear yet; somliken, lokkigernôch net talryk ûnder de Friezen dy ’t yn
steat wierne hjarsels to bliuwen, mar binammen to finen by sokken, dy
’t ûnder ynfloed fen falske biskaving neibauwend it dwaen fen saneamd
heech-ûntwikkelen, hjarsels bispotlik meitsje by Fries en net-Fries
(foarâl ûnder de heareboeren binne hja yet tsjok), witte yen mei
bjuster-binijd troanjemint to forheljen, det _it Fryslân for de Friezen
en it Frysk_ net oerienkomt mei de geast fen de tiid, striidt mei de
miene opfettings, en mei ûnfordildich skokskouderjen fen
hearink-noch-ta-hwerom-dêr-yet-mear-oer-to-praten is men wol sa
frjeonlik as syn miening mei to dielen, det sok in doel dochs net mear
to birikken is. Ien fen de grouwélichste uterings oer dit stik fen
saken is earne to lêzen by Jan fen ’e Gaestmar (quousqe tandem!), dy ’t
dêryn bliken docht him sa doelleas en stjûrleas driuwe to litten det
wy, njonkenlytsen bigripend det by dizze dekadint fen H. Sytstra en
Pieter Jelles eltse skittering net wytget fen edelstien, dochs
oanstriid hawwe yn in minder ljeaflik wird, as wy wend binne to brûken,
ús forheardens to forklankjen; dizze strider den wit mei to dielen, det
immen, dy ’t mei him praette oer fryske ûnderwiissaken, as syn miening
to kennen joech, det it ús wyt wier op de skoalle it Hollânsk to
forfangen troch de eigen tael (hwermei hy net ienris sa fier mis wier),
om dêroan, tinkelik yn in nidige rite ta to foegjen—ik helje oan út myn
ûnthâld—„sa ûnsinnich wirdt nou ús skreppen forknoeid!” Hjir hawwe wy
dos in man, dy ’t nei ’t er sels yn in rombommich dicht forklearret,
mei foarenoan stiet yn de fryske taelstriid en teffens biwiiz’get it
wierlike doel fen hiel ús wirk net to forstean en it sels bistiet lilk
to sjên, as in oar it sahwet liket to bigripen. Litte wy nou dochs
einlings ris, iepen lyk it ljuwe fen ús stamme past, en dúdlik derfor
útkomme, det it wol wis ús ljeafste winsk is de tael, dy ’t wy heech
sette omdet it in diel is fen ús libben en fen it bistean fen ús lân,
wer it plak to jaen dat hjar takomt en as keninginne dos ús skoallen
binnen to lieden; mar det wy, ynsjênde det in inkeld slachte dit doel
net birikt, yn ’t earst tofreden, howol net bliid, wêze scille as de
sprake as tafek wer in plakje wint op alle skoallen yn Frysk-sprekkende
kontreijen, dit net hâldend for it ein fen it ein, mar for it bigjin
fen ’t bigjin. Allinne troch mei in rom herte dizze wirden oer to
nimmen, scil men bitizing en ûnienigens yn it frysk libben witte tsjin
to gean, hwet sûnder mis barre moat, as wy ús kâns op oerwinning
biwarje wolle; inkeld troch dit to uterjen hâlde wy heech ús forneamde
oprjochtens en earlikens—ommers skandlik is it, as men oerlizzend in
trêd docht en wytgjend wirdt der sein: „wit, dêr jinsen is it doel,
hwer ’t er einlings bilânje wol”, swiet-glimkjend to sizzen: „Dochs
net, dochs net, goede ljuwe; skielk forlitte wy dizze wei en doarmje
hwet roun yn de mieden”.

Jowe wy dos ta, det ús doel is to birikken hwet ik niis oantsjutte, den
bliuwt de frage allinne, ho ’t wy safier komme, sûnder mear fen ús
krêften to forliezen, as wy misse wolle, en hwennear de lêste die in
krânse lizze scil op ús striid, net langer for it bihâld, mar _for it
rjocht fen ús sprake_, en _for it wach-hâlden fen ús folksaerd_.

En sûnder nou mei oerstjûre wirden de lêste forhearlikjend romje to
wollen, scoe ik dochs sizze, det wy wirdearjende wirden uterje meije
oer it karakter fen ús stamme, dat yn tweintich ieuwen him sa tige lyk
bleau, det fen forfal gjin praet is, allike min dos fen teikens, dy ’t
wytgje fen hastige dead. De krêft, hwerop jimmer hiel ús folts greatsk
wier, bleau yn wêzen, en earder helle hy oan as er ôfnaem; hwet dit
oanbilanget is it iennichste, dêr ’t wy net kâld for bliuwe meije, de
soarch det dizze krêft him net bigjint yn to spannen for bigjinsels en
winsken, dy ’t frjemd binne oan ús hillichst doel. En dêrom is in
sprekker as de hear de Zee, hwaens wirden jimmerwer wize op it forbân
twisken ús folts en syn tael, for ús sok in weardich bisit: fen tige
bilang scoe it den ek wêze, as it Selskip fen 1844, op oanrieden en
ûnder lieding fen it Haedbistjûr ljuwe, fen hwa ’t men wist, det hja
genôch talint hienen en ljeafde for ús tael, oanfitere hjar bitinken yn
it iepenbier to uterjen en hjarren de bêste wegen wiisde. It wirk fen
sokke ljuwe mei men yn gjin gefal propaganda-meitsjen neame, lyk as de
hear Sipma dit earne docht,—ommers sa hjit allinne it bisiikjen oanhing
to winnen for tinsbylden fen de minsken; sprekkers as dêr ’t ik niis op
doelde, wize it folts allinne op syn plicht tsjinoer syn sprake, ef
oars en better sein: moedigje it stjerlik folts oan yn syn to skrutele
ljeafde for de tael, dy ’t him jown waerd fen de ûnstjerlike, fen God
bisiele natûr. Hjirmei forfalt aldergeloks ek it biswier fen de hear
Sipma, det ús lânsljuwe troch de bank net folle fiele for sok in
propaganda, hwent, mei it wier wêze, det in Fries fij is fen ropperij
for bûtenwenstige dingen, dêr ’t er yn syn deistich libben neat mei to
dwaen hawwe wol, it folts fielt jimmer for syn ljeafde.—Lykwol fergje
wy fen de fryske foarmannen yn dit stik fen saken fierders net mear; op
de krêft fen it folksaerd mei men sikerwier bitrouwe, sadet wy nou nei
to gean hawwe, ho ’t wy de taelbloei it bêst forsoargje en bifoarderje.

Omdet in tael ûntstien is like goed ûnder ynfloeden, dy tsjûgje fen
mear as minskelike macht, as ûnder de twang en it wollen fen de
wrâldbiwenners, bistiet ek hja út siele en lichum, eat dat ivich bliuwt
en in ringen weiwirdend omskot, it lichum: de tael dy ’t jimmeroan
brûkt wirdt fen deistige minsken, en de siele: de utering fen it
krêftichste minskelik fielen yn bliuwende wirden; ef koarter en faeks
bigrypliker sein: in folsleine tael bistiet út in _sprake_ yn de meast
oarspronkelike biteikenis fen it wird en út in _letterkinde_. As wy yn
wierheit it goed miene mei de bloei fen ús tael, scille wy goed dwaen
ús oandacht oan dizze beide dielen to wijen, hwertwisken sa folle mûlk
harmonije bistean moat; for beide scil soarge wirden moatte, hwent in
ûnsuvere sprake by in heechfielde letterkinde is in grouwel, like goed
as in fris ûntwikkele sprake, dy ’t nea hjar rykdom liene koe om wirk
to leverjen fen dûrjende wirdij.

Hwet nou nedich is om ús _letterkinde_ to bringen ta in hichte, det men
der ek as strang oardieljend kritikus mei achting oer sprekke kin, is,
scil men miene, al wiidweidich oanjown yn haedstikken II en III fen dit
wirkje. Dochs moat men wol bitinke, det ik it op dy siden allinne hie
oer omstânnichheden, hwerfen ik biwiiz’ge det hja for ús doel it
ginstichst wierne—sa de stifting fen Fryslân—en oer de wei, dy ’t de
fryske kinst yn to slaen hat, as hja hjar alteast better ûntwikkelje
wol—persoanlike en ûntwikkelingskinst—wylst ik stilswijend ûnderstelde,
bitrouwend op it achttal jonge frjeonen om my hinne, det der genôch
opkommende Friezen binne, yn steat de bloei fen ús letterkinde to
stypjen. En sikerwier bin ik dêrfen oertsjûge, det nou ’t it Selskip
fen 1844 der ta komme koe oan myn forsiik to foldwaen, wy folle moais
to biwûnderjen krije scille hwerfen wy foartiids gjin ealgjen hienen,
mar ho ’t in oanwinst fen sok in tal ûnthjittende, dielswize hjar nou
al uterjende skriuwers, stoffe wêze mei for bliere tofredenens, dit
bliuwt dêrom net minder wier det, ear ’t wy rêstich en wol-fornoege de
takomst tomjitte sjogge, dit tal op syn alderminst trijeris sa great
wêze moat. Dêrom bliuwt it de plicht fen ús allegearre, soarchfâldich
nei to gean eft wy jonge Friezen oan to wizen witte, mei oanliz for
wirkdiedige letterkindige stúdzje en hwaens ûntwikkeling net to
winskjen oerlit; en hwa scoenen hjir better for yn de gelegenheit wêze
as de ûnderwizers, minsken, hwerûnder forskate binne mei fieling for de
fryske saek en dy ’t jimmerwer sjogge, hwet yn de bern it measte
ûnthjit? Ik wiis hjir foarâl op it foarbyld fen de hear Sipma fen
Snits, dy ’t sûnder twivel yn dit stik fen saken al mear goeds ta stân
wist to bringen as somlike ûnderwizers op it lân, dy ’t dochs tahâlde
yn ’t formidden fen Frysk-pratende ljuwe. Litte wy ús lykwol foarâl to
wacht nimme, dizze jonge skriuwers opskoattelje to wollen yn in
steatlike foriening mei forheven karbrieven en oandwaenlike
talittingsdeftichheden, lyk wy dy to biwûnderjen krigen by it boun Jong
Fryslân, hwerfen de oprop, forslaggen en mear sok moais as in net to
dylgjen mislediging fen ús tael opnommen waerden yn de selskipsboekjes!
Forhâlding fen frjeonskip mei bloeije twisken hjar, dy ’t yn letter
dagen to soargjen hawwe scille for forriking fen ús skriftenkennisse,
mar hwêrom dochs dizze jonge geasten ta eltsoar bringe to wollen yn in
duf en skimmelich boun, hwerfen de leden alderearst
paedfynders-tsjinsten to dwaen hawwe for it Selskip, dat dochs ek wol
bigrypt, ho ’t de earste langstme fen in jong en krêftich minske is in
folsleine frijdom? Wis, it plan fen ús Gaestmarder Hear, sa in stik ef
tritich aeijen ûnder syn wjokken to lizzen, om dêr den kinstners út to
brieden fen like machtich talint as sines, wier wol treflik fen wizens
en tige to priizgjen om syn minlike bidêstens, mar de waermte, nedich
ta it ûntwikkeljen fen libben, like der net to wêzen, en do ’t, slimmer
yet, op in stikelfjild in jongfaem hânnen fol taelkindich sie bigoun to
struijen, strûsde de hoanne by de him tabitroude aeijen wei. Sels in
foriening fen fryske letterkindigen kin allinne tsjoeds ta stân bringe
en is bûtendat neist en tsjin it Selskip net nedich; de jonge skriuwers
scoenen ek wol swak fen moed en lef fen bitinken wêze moatte, as hja,
oanfitere fen wizer liedsljuwe, yn hjar striid for persoanlike kinst
stipe en die-krêftich holpen troch it útjaen fen it Wykblêd, yet langen
nei mear.

Hwent hjirmei is wol alles oanjown, hwet men fergje mei fen it Selskip
en alle Friezen, om to meitsjen, det ús letterkinde net mei noed en
eangstme de rêd-oansweevjende folgjende jierren hoecht ôf to wachtsjen,
lykwol net hwet men to dwaen hat om de nedige en winskelike suverens
fen de _spritsen_ tael to biwarjen. Al seagen wy yn haedstik III, det
wy yn de ûntwikkeljende utering teffens in machtich middel hawwe ef
foarmje kinne om hollânske ynfloeden tsjin to gean, dochs knibbelje wy
net mei sok in forearjende oanbidding for hjar del, det wy, hwet
taelsuverens oanbilanget, alle heil fen hjar forwachtsje wolle, en it
sizzen wer uterje, troch de Friezen sa jamk yn ’e mûle nommen: „Sa
hawwe wy den yn ’t earst al wer genôch út ’e wei set.” Ommers dizze
kinst moat yn it deistich libben krêftige wjerklank fine yn de praktyk
fen skoalle, rjochtseale, tsjerke, as de ynfloed dêrfen útgean scil, dy
’t wy ús tinke; hjiroer yet inkelde wirden, dy ’t ik lykwol bidoel as
in persoanlike miening, hwerfen de krektens miskien maklik yn kiif
steld wirde kin, omdet ik, lyk men faeks al opmirken hat, better op dré
bliuw, as ik oer kinstsaken praet.

1o. Oer it _ûnderwiis yn Frysk_ fornimme wy net folle mear as nou en
den in treastleaze en fortretlike meidieling, det de saek net to bêst
flotsje wol, omdet der sa folle biswieren oan fêst sitte, sadet wy
eltse kear wer in ljeaflike gelegenheit hawwe, om der ris binijd oer
nei to mimerjen, hokker biswieren dochs wol sa wichtich wêze meije, det
sok in bilangrike saek net genôch ta syn rjocht komt. Troch de bank
liket men der yet al eang fen to wêzen yn ’t iepenbier op dizze
ûnginstige omstânnichheden klam to lizzen, howol it eltsenien dúdlik
wêze moat, det de biswieren, as hja yn wierheit sa machtich binne,
inkeld oerwoun wirde kinne trochdet mear as oant nou ta, it hiele folts
meiwirket. Ik hoopje, det men my myn frage net kwea ôfnimme scil,
hwerom men bûtensteanders net earlik mei dizze biswieren bikend makke,
ljeafst yn de selskipsboekjes ef, hwennear men fen bitinken wier, det
sa de stimme yet troch to min minsken fornommen wirde scoe, troch in
rige artikels bygelyks yn de Ljouwerter Krante?[8] It fryske folts hat
der sûnder mis rjocht op, dúdliker fen hjarren, dy ’t bineamd waerden
for dizze taek en sa faken al bliken joegen, der ek for birekkene to
wêzen, oer sok in geastelik bilang ynljochte to wirden; it is myn
oertsjûging det de biswieren, ho skriklik hja den ek wêze meije, net sa
kretenzysk-doalhôfeftich binne, ef alteast ien scil de útwyk wol to
wizen witte.

 [8] Hwa ’t der op wize, det yn 1906 de Ljouwerter wegere oan it
 Forsiikskrift oan Deputearre Steaten plak to jaen, scoe bitinke, det
 der do praet wier fen in oanbigjin, noutiids fen in fierder gean op in
 ienris ynsleine wei.

2o. It mei bikend wêze, det ús _rjochterlike macht_ for fierwei it
greatste diel wol foldwaende op ’e hichte is mei ús tael, om tsjûgen en
biskildigen, dy ’t hjar ljeaver yn de eigen sprake uterje, to fetsjen,
mar nimmen hearde der yet fen, det de president ek yn it Frysk frege,
hwet dochs scoene men hoopje, net yn striid mei de algemiene rykswetten
wêze scil.

Men scoe witte wolle ef dit to forklearjen is, trochdet dizze hearen ús
tael net machtich binne, ef trochdet hja hjar ljeaver hâlde oan it
brûkme, dat lange ieuwen trou folge waerd. Yn ’t earste gefal scoe men
der by nije bineamings op oanstean kinne de rjochterlike macht yn ús
lân ek oan Friezen ta to bitrouwen, wylst yn ’t oarde men inkeld
wachtsje kin, ef den nimmen moed genôch hat to hânneljen, lyk as er
sels wol ynsjocht, det it it meast praktysk is.

3o. Hwet nou de _tsjerke_ oanbilanget, liket it my ta, det trefliker as
in hopen gepraet en geskriuw, hwermei men meastal net mear opsjit, as
det de partijen fêster bisletten en grimmitiger as ea foar eltsoar
komme to stean, is in ienfâldige die as dy fen ds. Wumkes en oaren,
hwaens moedich weagjen net nôch to wirdearjen is for it bilang fen ús
tael. Ik stean der dos mei klam op oan, det dit foarbyld hwerfen wy
moaije útkomsten seagen, neifolge wirde scil troch allegearre, dy ’t
hjar dêrfor birekkene achtsje, en scoe it in prizenswirde die neame as
sokken, dy ’t hjarsels net bitrouden, der oer gear komme koene, ds.
Wumkes ris út to noegjen, ek yn hjar plak de hillige saken to
bihânneljen yn ús eigen tael, det de fieling for it Frysk by ús
lânsljuwe yet krêftiger wirdt. Hat ienris dit streevjen folle oanhing
foun, hwerop wy rekkenje meije, nou ’t wy al goed gefolch waernimme fen
it alderearste bigjin, den scille de tsjerkerieden en gemeinteleden
fensels ta it ynsjoch komme hok in weardich ding it is, yn in frysk
doarp in Fries as harder to hawwen, en men scil bitsjuttende oanwinst
krige hawwe for ús taelstriid.[9]

 [9] Yn dit forbân bring ik myn oprjochte hilde oan ’e tsjerkerie fen
 Dearsum dy ’t, sa ’t ik fornaem, Ds Wumkes sels útnoege dêr in fryske
 preek to hâlden.

Fierders is der yet in saek, dy ’t howol faeks net sa bilangryk yn
wêzen en ynfloed as de trije boppe-neamde biwizen for de brûksumens fen
ús tael yn en bûten it deistich libben, docht net forwaerloazge wirde
mei, omdet ek hja folle goeds dwaen kin for de taelsuverens. Yn ’t
miene sein hearsket der ûnder de jongerein fen ús folts in ljeaflike
ûnforskilligens for de fryske saek, hokker sloppens slim kwea nommen
wirde kin, om ’t fierwei de measten nea net hearden fen in
sikerwier-bitsjuttende taelstriid, to min alteast om der ek mar in
bytsje bilangstelling for to fielen. Wol leannet it dos de moeite, ris
nei to gean eft der ek bûten it Selskip, toaniel-forienings en sa mear,
neat dien wirde kin om in ein to meitsjen oan dit ûnwit, en ek it
opkommende Fryslân to winnen for hwet wezentlik syn plicht is.

Miskien scoe in forstânnige, mar dêrom net minder libbene, organisaesje
fen ús fryske jonkheit ûnder fryske lieding goeds dwaen kinne, hwerby
men foarâl hjirom tinke moast, det men jonge minsken net oanfiterje mei
ta droege taelstúdzje, sûnder det men as tsjinwicht soarget for
útspanning yn sport, dy ’t lokkich tsjinwirdich yn ús lân him ek mear
en mear bigjint to ûntjaen. To’n earsten wier it al tige moai as wy
keats-, iisklubs ensf. der ta krije koene de stive, offisieele
hollânske tael, dy ’t faek sok in ûnbihaechlik stimpel jowt oan de oars
sa sellige byienkomsten, to forfangen troch dy fen eigen groun. Wylst
ik dit wirkje skriuw, ben ik yet drok dwaende mei it útwirkjen fen de
plannen hwerop ik hjir doel, sadet ik, howol it my moeit om ’t ik jerne
sa dúdlik mûlk bin, hjiroer wol de ûngaedlike meidieling dwaen moat,
det ik my yet net yn steat achtsje oer dit stik fen saken praktyske rie
to jaen. Mar tinkelik haw ik letter wol gelegenheit op dizze saek yn
Forjit My Net ef Fryslân werom to kommen, hwet yn safier ek better is,
det ik den troch earst it útfier fen myn plannen hjir en dêr bisocht to
hawwen, sels oardielje kin oer hjar geskiktens.

Om in goed oersjoch to biwarjen oer de fryske taelstriid en de
foarnaemste middels fetsje wy efkes gear:

As ús winsken, dy ’t ik útspriek yn it bigjin fen dit haedstik, ea
forwezentlike wirde scille, moatte wy ús oandacht wije oan

1. de fieling fen it folts for syn tael; dizze ljeafde wirdt wol it
treflikst oanmoedige troch sprekkers as de hear de Zee, dy ’t lykwol
hjiryn net allinne stean bliuwe mei;

2. de bloei fen ús tael, to sizzen

_a_. de skriftenkennisse; dizze hat allinne heil to wachtsjen fen nije
bigjinsels (persoanlike kinst, ûntwikkeljende utering), en soarge heart
to wirden for in fikse fryske oplieding fen jonge skriuwers.

_b_. de taelsuverens; dizze scil tanimme troch romte ôf to stean oan de
ûntwikkeljende utering, troch yn skoalle, rjochtseale, tsjerke alteast
to’n earsten ús tael fakultatyf to stellen en troch organisaesje fen de
jonge Friezen.

De greatste ynfloed op frysk gebiet giet út fen it Selskip fen 1844, en
yn it Selskip fen it Haedbistjûr; men forwachtet det de Algemiene
Gearkomste hjiryn nea wer frysk-forriedende konservativen dildzje scil.

De jong-fryske biweging wijt hjar krêften yn haedsaek oan trochfier fen
de nije letterkindige bigjinsels.


Sa hawwe wy dos dúdliker ynsjoch krige oer de fryske taelstriid sels,
witte wy better hwet hjar doel is en hawwe klearrichheit oer it forrin
fen dizze biweging, lyk as dit it suverst en winskelikst is, lyk as it
nei minskelike birekkening komme scil yn de earst-folgjende tiden ek.
Dochs bliuwt, al mei men oannimme det it greate merkteiken fen it
fryske karakter yet is in ynbânnige krêft, en det, sa opfette, it
stânfriezendom net, lyk fen somliken jamk sein waerd, ta it forline
biheart, der yet altyd de kâns bistean, det somlike ljuwe moedleas
stoarje nei it boppe oanjown, folle-omfetsjend program en det mear as
ien uterje scil it ûnbihaechlik bitinken: „Wis, dat alles is tige
forstânnich úttocht, mar de oermacht is sa nearzige great, det wy yn ’t
ein dochs forslein wêze scille; sa is dos de striid omdôch en hwerta
den yet to bigjinnen?”

Ik fiel det ik oanstriid krij om hjir minder bidaerde en wol-oertochte
wirden to brûken, as ik oant nou ta, tinkend om myn lêzers en it doel,
dat ik mei dit wirkje haw, yn ’e mûle naem. Mar my wer to foaren
hâldend, det in lyriske boai fen lilke tael hiel hwet minder to weech
bringe scil as in ienfâldich-birekkenjend wjerlizzen fen dizze miening,
scil ik bliuwe by de hâlding, dy’t ik yn dit wirkje oant nou ta
biwarre, en biwiiz’gje, det dit bitinken, howol maklik to forklearjen
en dêrtroch faeks ek wol to forjaen, dochs hielendal net oerienkomt mei
de wezentlike tastân, det earder oarsom de omstânnichheden ús
bitrouwende moed jaen kinne om ûnbisoarge, mar dochs jimmer soargjend,
de takomst yn’e mjitte to gean. Litte wy dos earst neigean, hwa ’t
eigentlik ús fijân wêze mei, eft der wol reden bistiet eang fen him to
wêzen, en mocht it ús talykje det dit sikerwier sa is, den op hwa ’t wy
rekkenje meije, as trouwe bounsnoaten.

En foartdalik wirdt it ús den klear, det mei de striid op ús rêstige
mieden ek gean tsjin in frjemde sprake, dêrmei hielendal net miend
wirdt, det wy ûnder alle omstânnichheden, it Hollânsk to biskôgjen
hawwe as fijandinne; hwent inkeld wolle wy war dwaen, de ynfloed fen
dizze sprake op ús tael hjir yn Fryslân to kearen, wylst wy der nea net
om tinke scoenen to sizzen, det wy tsjin hawwe op it brûken fen
Hollânsk yn hiel de oare wrâld, hwerearne it den ek wêze mei, mar dizze
sprake earder tawinskje in rom taelgebiet.

En fierders hat men yen dizze striid hielendal net sà to tinken, det
tsjin ús iverjen for de fryske tael de Hollânners bisiikje scille ús
sprake sa folle mûlk neidiel to dwaen; hwent dêr jinsen wier men jimmer
dôf for ús saek en wegere men ús freegjen om mear rjocht, om mear
bilangstelling alteast, faken to forstean en omdet sok in dôvens ús
noutiids gjin skea mear docht, scille wy wiis dwaen net to bisiikjen
dizze syktme to genêzen.

Sa mei men dos ús striid mear lykje by it streevjen fen warbere
minsken, om it jimmer-rizend wetter to kearen bûten de kriten, dy ’t
yet droech bleau, ho ’t dêr omhinne it wiet ek stadich omhegens skoude,
en dy ’t dat bliuwe scil, omdet de krêft fen de mânljue dy dykje
greater is as dy fen ’t wetter, dat ringen wer falt, as minlik de sinne
wer glimket.

Mar nea net wolle wy biskôge wirde as minsken, dy tsjin hawwe op in
fêste en krêftige iendracht fen hiel it Ryk; as wy bisiikje it wird
„Fryslân for de Friezen en it Frysk” to meitsjen ta seine wierheit,
easkje wy allinne wer de rjochten, dy ’t men ús lang lyn binaem.
Mochten wy dêrby in tsjinwirking ûnderfine, stoefer as wy fordrage en
dildzje koenen, den kin der wol gjin twivel bistean, ef ienris scille
wy witte to anderjen mei it oprjochtsjen fen in frysk-naesjonale
partij, mar sels den scil dizze net yn hjar findels skriuwe: „los fen
Hollân” hwent yn de lêste ieuwen learde Fryslân him to bûgen—mar
allinne oanstean op it earbiedingen fen ’e rjochten fen ús tael, dêr ’t
wy net búten kinne.




V.


For ús, dy ’t yn steat binne ús in oersjoch to foarmjen fen hwet barde
yn de tiden, dy ’t aldergeloks efter ús lizze, en dy ’t as strange
ierdske rjochters oan to wizen witte, hwet yn dieden fen ’t forline
krêftich wier ef ôf to karren, moat it wol makliker wêze as for de
ljuwe eartiids, der hichte fen to krijen hokker gefaren yn de neiste
jierren foarâl fen ús mijd wirde moatte. Hwent mei in minske, âlder
wirdend en jimmerwer nije ûnderfining en wizens garjend, sims
fortretlik wirde, as er werom tinkt oan misslaggen, lang forlyn fen him
bigien, en mei hy sa altyd wer klearder ynsjên, hwerfor er him letter
to wacht to nimmen hat, mear is dit yette wier for in hiel folts, dat
ommers net bistiet út ien libben mei ien ûnderfining, mar earder neamd
wirde moat in mienskip fen minsken, tige forskillend yn fieling en
tinken, mei ryk forskaet fen bifinen dos ek.

Hwet ús taelstriid oanbilanget, bûten in pear ûnbitsjuttende
tsjinslaggen, dy ’t jimmer to forklearjen wiernen troch ûnginstige,
tidelike omstânnichheden en dy’t gjin bliuwende wearde hawwe, wiernen
der oant nou ta gjin wichtige tsjoede ynfloeden mei earnstige gefolgen,
dy ’t ús de eagen iepenje koene for gefaren, dy ’t ús bidrigen sûnder
det wy it sels wisten. Mar hiel oars stiet it mei ús frijdom, dy ’t wy
al sokke lange ieuwen misse en dy ’t net bilies jown hat as nei tiden
fen hjitte striid, hwerfen ek wy yet leare kinne.

It frysk karakter den is yn ’t earste plak krêftich yn dizze
bitsjutting, det in Fries maklik alles, hwet yn striid is mei syn
persoanlike opfetting, minderweardich achtet en, oertsjûge fen de
treflikens fen syn eigen ynsjoch, fen gjin rêst en frede wit ear ’t it
libben alhiel sa rint, as neffens syn bitinken it bêste is. Great
forskeel lit dit foartdalik sjên mei somliker súdlike foltsen, hwaens
winsk it like goed is hjar nea net to skikken en yn alles hjar eigen
sin troch to setten, mar dy ’t bitrouwend op it fielen mear as op it
tinken, meast to wirk geane neffens de tafallige rite fen in amerij,
sûnder djip nei to tinken oer de inerlike wearde fen hjar doel. In
Fries is nou ienris, allicht oarspronkelik dêrta twongen troch de
oerstjûre wiksel fen waer en wyn yn dizze kontreijen, wend by alles
hwerfen er it great bilang fielt, lang nei to mimerjen en jamk al to
soarchfâldich it for en tsjin to hifkjen, sadet by dit stil en rêstich
libjend folts de inerlike striid meast wol minder forheftich, mar dêrom
net minder djip en binammen langer fen dûr is as hwer de sinne
krêftiger hearsket; earst as it tinken net komme kin ta in útkomst,
rieplachtsje wy de fieling en litte oan dizze it lêste wird. Mar as wy
der einlings nei lange dagen fen stadige striid, ta oergien binne in
bislút to nimmen, den wolle wy faken jerne miene, det krekt om ’t wy sa
soarchfâldich it goed en tsjoed hifke hawwe, dit bislút nou ek tsjûget
fen wiis ynsjoch en, leauwend oan de alles-oerljochtsjende treflikens
fen ús eigen opfetting, geane wy mei moed en foarâl mei selsbitrouwen
elts tomjitte, dy ’t it weaget oer sok in wichtige saek in oare miening
to hawwen as wy, om’t wy hjir dochs, lyk as wy eltsenien hearre litte,
sok in bisûndere stúdzje fen makke hawwe. Hiene wy nou yet hwet mear
forstân, den scoene wy by ús sels tajaen, det de oar dy ’t ommers fen
deselde stamme is, sûnder mis allike min in bilangryk bigjinsel
fordigenje scil, as ek hy dêr net lang-rêstich en
forstânnich-birekkenjend oer neiprakkesearre hie, sadet wy wol fier fen
dy oar ûnskiklik to bijegenjen, minlik en fordildich oanhearre scoene,
hwet der wol to sizzen wier for syn opfetting, om dêrnei yet ris nei to
gean, ef hwet wy seinen den dochs sikersonk minder folmakke wier, as wy
sels wol hawwe woene en sa faeks ringen wer fen nijs oan to bigjinnen.
Mar—aldergeloks hie ik hast sein—sok in folslein forstân bitochten de
goaden ús net, det neist it tinken for it fielen gjin romte mear wêze
scoe; hawwe wy ienris in bislút nommen, woloan, den is dit in útdragen
saek for ús wirden en den jowe wy hommels oan ús fielen sok in
oerstjelpjende krêft, det as immen it bistiet tsjin ús miening op to
kommen, wy him skildich achtsje oan misledigjen fen de persoanlike
hilligens en mei in suchtsjend sizzen: „As hy him den net bikeare litte
wol, ja, den bliuwt allinne de striid mear oer”, wirdt der den in
bigjinseloarloch oankindige, dy ’t almeast net mijen, mar fûleindich
fen aerd is.

Mei der immen wêze dy ’t by dizze teoretyske biskôging net neilitte kin
efkes meilydsum to glimkjen en miene, det immen dy ’t der sa oer
redendielt net foldwaende op ’e hichte is mei it wiere wêzen fen ús
folksaerd, him wiis ik nei de mistreastige en fortretlike praktyk fen
ús skiednis, binammen nei it neargeastige diel, hweryn forhelle wirdt
ho ’t Fryslân syn frijdom forlear. Sims, lêzend fen de Middelieuwen fen
ús lân, wirdt it forskaet en de drokte fen de partijen sa
forbjusterjend, det men sin kriget, oan to nimmen, det dodestiids elts
mar tsjinne syn eigen bilangen, en him inkeld oansleat by ien fen de
meast mânske partijen, as it persoanlik foardiel it sa woe; yn dizze
skimerige dagen uteret him klear de net to teamjen drang nei striid, dy
’t altyd diel wier fen ús wêzen, noutiids net sa dúdlik mear, omdet
like goed yn de greate mienskip as yn bisletten forienings, der folle
drige wirdt mei minder nochlike straffen, dy ’t sok in utering fen
striidsin witte tsjin to gean en sa de langstme sels machtleas to
meitsjen. Bûtendat wist men yn dy skiere dagen net fen saneamde
biskaving, hwerfen men wol ris lústere hat, det hja de measte minsken
it alderrouste wit to binimmen, al komme wy yn de lêste moannen lokkich
wer hwet skeptysker tsjinoer sok ûnbiroaid praet to stean, omdet wy der
einlings hichte fen krije ho ’t dizze biskaving inkeld bliuwt in ding
fen de bûtenkant en dos fen minder biteikenis; det dêrtsjinoer de
machtichste minskelike langstmen jimmer deselde bleaun binne en bliuwe
scille, wachtsjend allinne op in skok, om hjar wer mei skriklike krêft
to ûntjaen. Sa fine wy dêr yn de drôve skiednis fen ús lân in swier
biwiis, det in Fries jimmer twongen wirdt ta striid, om ’t er syn
persoanlik tinken, hwerfen er wit det it greate weardij hat, biwarje
wol tsjin eltse twang, eltse oanfal, eltse ynfloed sels fen bûten, en
omdet er libbet yn ’t formidden fen syn lânsljuwe, striidt er sûnder
ophâlden tsjin minsken fen deselde stamme.

Tige earnstich liket nou hommels hiel de saek ús forhearde eagen ta;
moedleas is wis it bitinken, det fen hiel ús bisiikjen mar in bytsje,
to min sels, to ljochte komme kin, hwent frjeonskip, as dêr ’t ik op
wiisde oan ’t ein fen myn earste haedstik, mei mûlk wêze twisken
minsken mei itselde doel, dy ’t wend binne mei eltsoar to wirkjen en
folle omgong hawwe mei eltsoar, twisken alle ljuwe fen hiel in folts,
dy’t eltsoar faken net earder sjogge, as hwennear hja al as fijân tinke
en hânnelje, frjeonskip ta stân to bringen, soks liket sikersonk dochs
wol bjuster slim.

—Mar, sa forfettet de stimme nei ús wiidweidich forhelle to hawwen oer
forskate lytsgeastige, mar dêrom net minder fûleindige rûzjes: as de
hollânske greven kamen, den wier meastentiids dalik hiel it folts wer
ien...

Dat is it hwet wy forgeaten, myn frjeonen: det wy better dwaen scoene,
mei, as wy dochs sjogge, det ús miening net troch it greatste diel fen
it folts oernomd wirdt, net to bisiikjen steech troch to setten,
hwerfen wy nou ienris mienden, det it it bêste wier, mar ús del to jaen
by it bislút fen de measten, sadré wy oertsjûge binne, det dizze it
selde for ’t forstân krigen hawwe as wy: det nammentlik eltse striid
binnen de poarten ûnforstânnich is en yet slimmer, as der bûten de
poarte immen stiet, dy ’t war docht ús ljeave stêd to oermasterjen.
Litte wy dos jimmer bitinke, det yn dagen fen striid mei it frjemde,
lyk as wy lang al bilibben en sûnder twivel yet lang meimeitsje moatte,
it forkeard en tsjoed for ús mien doel wêze scoe to dwaen, eft sok in
striid net bistie; litte wy fierders soargjend tinke om de treflikste
wapens en de krêftichste striidhynzers, wy allegearre, hwaens wirk is
for de bloei fen ús tael, om skielk as wy wer byeltsoar binne,
bitrouwend ek op it goede ynsjoch fen oaren, nei to kommen hwet
goedkard wirdt fen de measten. Yn lânnen om ús hinne swije de partidige
stitnmen, en wirket men ienriedich mei en neist eltsoar, omdet men wol
wit ho ’t inerlike striid ek hjar, dy ’t it bêste wolle, de dea dwaen
kin; scille wy dit foarbyld folgje, bitinkend det al ieuwen ek ús
striid geande is en de eigen tael yn gefaer, ef scille wy foartfarre
mei faken lytsgeastige strideraesjes?

Litte wy wer neigean: wy stride for in ljeafde en in djûr bigjinsel,
hwerfen de oertsjûging ús machtige krêften tafoeget, wy steane neist
eltsoar iendrachtich en ienriedich fen wyt en fen wollen, towile men yn
Hollân faeks ús streevjen mei weardearring oanskôgje scil; dit alles
ûnthjit wol folle, mar tsjinoer ien dy ’t petearret yn ús tael steane
fiif-en-tweintich dy ’t heech hâlde de sprake fen it ryk. Sa, scille de
moedleazen sizze, binne wy yet net wis fen de oerwinning...

Alwer bitwing ik myn oanstriid dizze minsken hird to fallen, dy to
folle tinke, mar to min ef forkeard fiele, en wer scil ik, dy ’t er
sels forwûndere oer bin, det ik sa forstânnich en birekkenjend wit to
skriuwen, my ynbine; for de twade kear siz ik: sûnder folle ynspanning
ûntwikkelje wy yet mear krêften.

Faek wier ik binijd as ik, lêzend in Hollânsk letterkindich tiidskrift,
jimmer wer foun in waerme en moaije ljeafde for de sudeliker ljuwe fen
hollânske stamme: de Flaemsken, op hwaens rjochten en krêftige striid
for hjar tael men aloan wist to wizen mei minlike ljeafde en djip-geand
ynsjoch, wylst men for de fryske saek, dy ’t dochs wis mear biwûndering
fortsjinnet, omdet ús tael yn hjar slimme striid net stipe wirdt fen in
machtige sister oer de grinzen, gjin wird fen weardearring oer hie. It
is dúdlik, det de moaijens fen skriftenkennisse op sok in saek dochs
mar in bytsje ynfloed útoefenje mei, omdet de taelstriid hielendal los
fen de letterkindige kwesje biskôge heart to wirden; hwent is yn
heechste ynstânsje de letterkinde net in wirk fen de minsken, mar de
tael in goadebern? Moat der den socht wirde nei in better forklearring,
den liket dit wol de oannimmelikste, det wylst de Flaemsken jimmer
folle ynnimmends fen hjar hearre lieten, wy Friezen, forneamd om ús
stilswijen, ek hwer ’t it gjin foech jowt, ljeaver stil ús wegen
gyngen, en al wierne wy der tige mei ynnommen as wy bilangstelling ef
eat hwet dêrop like, for ús saek oan ’e oare ich fen de sudersé mienden
to merkbiten, it ús dochs ûnweardich achten sels dizze bilangstelling
oan to fiterjen. Mar dochs, al weardearje ik dizze ynbânnigens ek tige,
omdet ik sok in dwaen fiel as eat krêftichs en dos eat moais, bin ik
fen bitinken det wy, sûnder kwea to dwaen oan de bigjinsels, dy ’t wy
foarsteane, gerêst yn Hollân hwet mear fen ús hearre litte kinne; dêr
scille bûten de Friezen dochs ek wol somlike oaren tahâlde, dy ’t as
hja fornimme hwet wy ús rjochten achtsje en hja foar ’t forstân krije,
det al bliuwt lyts de macht fen ús tael, hja dochs like goed sprake is
as it Hollânsk, yn steat binne mei ús mei to fielen for de moaijens fen
ús ljeafde, al kinne hja, salang al ús rjochten net yn acht nommen
wirde, tinkelik op taelgebiet gjin frjeonen fen uzes wêze. It scoe my
al tige nij dwaen, as der, hwennear wy mear fen ús hearre lieten en mei
mear klam ús saek bipleiten, wer twa partijen ûntstiene, hwertwisken de
skied lyk foel mei de politike grins (men tinke hjirby oan hwet yn
Ingelân barde: de Unionisten yn hjar forset tsjin de liberalen, dy ’t
opkamen for it Ierske _home rule_), en hwerfen ien de fryske saek, wier
it den ek net mei fjûr, bistride scoe. Sûnder twivel scoe der nea net
folle fen sokke partijen to fornimmen wêze, al bliuwt der gefaer
bistean, det, as wy foarderen mei ús striid, somlike ljuwe, dy ’t net
foar ’t forstân krije kinne, det wy in geef en soun diel fen it ryk
útmeitsje scille, as men ús folsleine frijichheit jowt yn taelsaken,
wer bigounen to roppen fen provinsialisme en mear sok moais.—

Wy binne miskien der to folle yn biwend by de namme „Fryslân” to tinken
oan it haedlân twisken Dokkumer Nije Silen en Starum, Harns en de
Stellingwerven; it mei wier wêze det dêrre de measte Frysk pratende
ljuwe toevje en de libbenskrêften fen de sprake dêr as needsakelik
gefolch it meast forneare kinne, dochs wenje der, lyk as ús bikend
wirden wêze mei yn de lêste jierren, nou ’t dizze saek aldergeloks mear
ta hjar rjocht komt, yn it Westen fen Sleeswyk ljuwe bisibbe mei ús yn
bloed en tael—in earmtlik oerskot wol fen hwet ienris Magna Frisia
wier, mar wezentlik dochs ús broerren, fen hwa ’t wy inkeld al hâlde
omdet hja, allyk in lyts, mar fleurich-grien eilân yn
forheftich-weagjende sé, ienlik stean bleauwen. De njonkenlytsen
forneamde oprop fen ’e hear De Clercq, ien fen de moaiste dieden den
ek, hwerop wy yn de lêste jierren romje koene, hat einlings nije
oansluting ta stân brocht twisken de West- en Noardfriezen, dy ’t yet
mear it karakter fen in frjeonebân krige do ’t somliken fen ús fryske
foarmannen der oer gear kommen wierne, persoanlik dizze fiere, mar ús
dêrom net minder ljeave sibben to bisiikjen. Ek for ús scoe it spitich
en neidielich tagelyk wêze as it fryske libben, dat dêr sa moai oan ’t
bloeijen wier en ús herte fornoege, to neate gean moast yn dizze
oarloch, omdet der sikersonk mear for it bihâld en it foartsterkjen for
de tael dien waerd, as men easkje mocht en forwachtsje koe by sok in
lyts tal minsken ûnder dútsk regear, ja sels nei forhâlding mear as by
ús, dy ’t dochs, foarâl yn in hopen ta weismiten kearde rymkes, der
jamk sa heech fen opjowe, hofolle wy for ús tael oer hawwe (it
merkteiken is tjinwirdich „ynmoai”, for in tweintichtal jierren wier it
fêst „swietlûdich”; ek hjir in twingende moade!).

It is ús plicht, dêroer to weitsjen, yn safier wy dêrta yn steat binne,
hwent in earnstich forlies scoe it for ús wêze as ek dit fiere, frisse
libben dat ús altyd wer wytge fen tiden, do ’t ús lân machtich wier en
sa ek ús moanne ta moedige dieden, for goed daet waerd en tige scoene
wy hjar misse, dizze broerren mei hjar kleare, blauwe eagen en blond
hier, dy ’t gâns mear as wy sels yn uterlik de âlde Friezen lyk
bleauwen.

Mar al is tichter oansluting fen West- en Noardfriezen for beide fen
greate sedelike wearde, it scoe tsjûgje fen leffens en strang to
kastijen selssucht, as wy forwachten, det dizze warbere striders, dy’t
sels al sa danich to fjochtsjen hawwe tsjin de ôfbrekkende macht fen
Deensk en Dútsk ús, dy ’t folle sterker stean moasten as hja, stypje
koenen yn de striid tsjin it Hollânsk. Earder scille wy ús der op ré
meitsje moatte, om, hwennear de tastân fen ús eigen tael it talit, hjar
by to stean yn ûnderskate opsichten, al is dit fensels in soarch fen de
fiere takomst; hwent jimmer bliuwt it for ús in saek fen great bilang,
det dêr yn ’t Noarden fen Dútsklân ljuwe wenje, dy ’t rekkene wirde
kinne ta de fryske stamme,—letter sjocht men soks faeks better yn as
nou.

Underwiles wirde wy troch de wolkomme oansluting by ús fryske broerren
yn ’t Noarden dos neat net sterker yn ús striid tsjin in frjemde tael
yn ús eigen lân; wy scille yet siikje moatte nei bounsnoaten, dy ’t,
howol hja to ’n earsten ús net hoechden to stypjen, omdet ek sûnder
hjar helpe ús saek yet net hopeleas liket, dochs mocht it ris bigjinne
to knipen, ús krêftich byspringe kinne, in soarte fen reserve dos.
Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze, hwaens aerd en karakter nei
bisibbe binne oan dat fen ús folts, omdet in mieningsskeel, útdijend
faeks ta striid mei dizze helpers for ús sels sa fordjerlik wirde koe,
det wy fen ús doel fierder ôfstaet waerden as ea foartiids, en moatte
yn steat wêze mei to fielen yn ús geastelik bistean, omdet as wy mei
fjûr in saek fordigenen, fen hjarren waerme bystân wachtsjend, wylst wy
al ringen yn pleats dêrfen in kâlde, ûnforskillige hâlding by hjar
merkbite moasten, dit faeks great neidiel dwaen koe oan de frjeonskip.
Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei frysk bloed, omdet in boun
ûntstien út suvere birekkening, sûnder ynlike fieling, it waerme libben
mist, dat it bliuwend meitsje kin en tideliker is as it wifste
simmerblomt, mar ien twisken broerren fen it selde hûs for beide net
oars meibringe kin as seine en wolfeart. Dizze bounsnoaten moatte, ho
machtich en great, yn haedsaek deselde bilangen hawwe as wy, biwenners
fen in útherne fen de wrâld, hwent wy wolle net út it each forlieze de
wirdij fen it sizzen, earder yn oar forbân al oanhelle, det lokkich to
priizgjen binne hwa ’t mei eltsoar gean, dêrta twongen fen hjar ljeafde
en hjar bilangen.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei in tael, dy ’t yn rju folle
punten liket op dy ’t wy sa trou biwarren, omdet in dúdlik biwiis fen
us bisibbens nedich is for folle ljuwe, dy ’t earst frjemd foar hjar
fiere sibben stean scoenen; en it is winskelik det hja wenje yn oarden,
dy ’t net to fier fen uzes lizze. Mar hwet fen it aldermeaste bilang
is: hja moatte oertsjûgjende bliken jown hawwe to fielen for de
rjochten fen lytse foltsen en hjar tael, en de moed hawwe dizze fieling
to fordigenjen, hokke machtige fijânnen der dêrom ek tsjin hjar
opstienen. Dit binne wichtige bitingsten, en dochs mei net ien dêrfen
forwaerloazge wirde omdet men maklik ynsjocht, det it better is allinne
stean to bliuwen yn de swiere striid, sûnder to rekkenjen op de stipe
fen oaren, as fen yens bounsnoaten mar healwei folge to wirden, sadet
der al licht wriuwing mei hjar ûntstiet en de frjeonskip forkoellet ta
ûnforskilligens, en út wrok oer dizze ûnforskilligens sels foroaret yn
hate, hwet earnstige gefolgen meibringt. Mislearret it ús dos sokke
bounsnoaten for ús to winnen, den binne wy, ho ’t it de moedleazen
ûnder ús ek moeit, oanwiisd op eigen krêften en allinne scille wy
fierders hawwe to striden, oant wy warrich binne en langje nei rêst,
oant it ein komt det wy ús sin krije, ef oan de binijde wrâld sjên
litten hawwe, ho ’t ien fen hjar heechstbijierre talen en dêrnei faeks
ek ien fen hjar âldste foltsen de wei nei Walhalla bireizget.

Mar sikerwier, dit liket net nedich: hwent blyn moasten wy wol wêze, as
wy net seagen ho ’t der jinsen oan ’e oare ich fen de Noardsé wennet in
folts dat, al hat it tsjinwirdich ek in hillige striid to fieren for
syn bistean en it bihâld fen it plak, dat it ûnder de greate machten
fen dizze ierde ynnimt, lyk as oant nou ta jimmer yn syn romrofte
skiednis, it witte scil to winnen fen hwa syn greatste bigjinsels en
syn wichtichste bilangen bidrigen. De fryske foarmannen hienen it by ’t
rjochte ein, do ’t hja der op wiisden, det wy fen Ingelân ginstiger
omstânnichheden for ús tael to wachtsjen hienen; troch syn sedelike
stipe koene wy folle bidije, al hoecht de oansluting twisken dit folts
en ús to ’n earsten net to binend to wêzen, omdet wy ommers stride net
for de frijdom fen in lân, mar for de rjochten fen in tael en wy, lyk
as boppe al mei klam sein waerd, yn it gefal, det wy dêr jinsen greate
bilangstelling for ús saek machtich wirde koene, sok in stipe mear to
biskôgjen hawwe as reserve, hwennear somliken hjar ris op hinderlike
wize mei ús bilangen bimoeije woenen, en net as gewoane, wiere
striidkrêften. Wy Friezen geane ús eigen wei en scille dy jimmer gean,
mar binne altyd leard forsichtich to wêzen en hawwe neat gjin sin om
skielk, as men in grou berchblok op ús paed delkeile mocht, der mei
bilitsen antlit nei to sjên en—wol it meast to forspijen ding, det in
Fries him foar de geast krije kin—sels twongen to wirden in sydpaedtsje
yn to slaen. En fen hokker kant men den de saek ek biskôgje wol, jimmer
wirdt it ús dúdliker, det wy oanwiisd binne op Ingelân, dat wis wol
genôch krêften hat, hwerfen it biwûnderjen as wy sels moedleas wirde
mochten, ús wer treastgje en opfleurje kin.

Hwent yet wit men to forheljen, ho ’t lange tiden lyn fen it fêstelân
mânske striderskloften teagen en weiswalken oer de woelige weagen, oant
der opriisde in lân, dat yn syn fruchtbere mieden folle wolstân ûnthiet
en hjar, wend oan de earmtlikens fen hjar bertegea, hwer ’t jamk krapte
wier en brek troch oerbifolking, útnoege dêr hjar stevige wenten to
bouwen; de swalkers hawwe de ynlânske stammen, dy ’t yn hjar
machtichste dagen for de Romers net wieken, fordreaun nei de fierste
hernen fen it greate eilân en wiernen ieuwen lang hearskers. Do’t hja
einlings bilies jaen moasten for hwa kamen út it Suden, bleauwen hja
yet in bisjuttend diel fen it ingelske folts, al moasten hja to’n
earsten machtleas oansjên, ho ’t it regear oergyng yn hânnen fen ljuwe,
hjar frjemd yn sprake en seden. En wytgjend wiist de skiednisskriuwer
ús derop, det ûnder hjarren dy ’t út de swart-skaedzjende bosken
weireizgen oer it warbere wiid, om op it eilân to hearskjen oant
machtiger stammen kamen, mei hwa ’t hja ringen torane scoenen ta ien
krêftich folts, ek folle Friezen wierne. Al sweijen wy oer dy bisibbens
lange jierren, omdet it net yn ús aerd leit minsken, dy ’t út hjar sels
net by ús komme, om bilangstelling en mear to freegjen, dit bliuwt
dêrom net minder wier, det fen forskate Ingelsken it âlde Fryslân it
stamlân is; al slomme de nei eltsoar lûkende fieling ek in hiele rek,
hja wachtet der allinnich op wekke to wirden en troch de rêst oansterke
scil hja yet krêftiger wêze. Forkeard en ûnwird is den ek it dwaen fen
somliken, dy ’t wylst hja dochs witte det Friezen sterk hingje oan hwa
’t it bloed hjar bynt, wirden sizze hwerút men ofliede mei, det hja fen
ús, dy ’t der rounom for oanskreaun steane, det wy der fij fen binne in
blêd for de mûle to nimmen, forwachtsje in nearzich en lef stilswijen,
in ûnforskillich oanskôgjen fen dizze wichtige, hwent de earste
biskavingsbigjinsels oanbilangjende striid.

En yn it stik fen tael-bisibbens, hawwe wy ús der al lang net op
foarstean litten det hja yn ûnderskate bilangrike punten sterk oan uzes
tinke liet, ho ’t wy den sims ek stien hawwe ûnder ynfloed fen it
opskouwende Hollânsk en ús broerren oan ’e oare kant fen de Noardsé
heappen wirden oernamen fen latynske komôf? Den is yn haedsaek it aerd,
it karakter fen it ingelske folts en uzes itselde: beide like
birekkenjend, lang hifkjend it goed en tsjoed fen hwet men ûndernimme
wol, mar den ek rjocht oanstjûrend op it doel, sûnder yen dêrby fen
tsjinslaggen en tsjinwirking fen oaren forbjusterje to litten; dêrneist
itselde wêzen yn langstme en bigearte, dy ’t fen beiden lang yn hjar
utering tsjinkeard wirde, mar ienris fen bânnen ûntslein ek ninter it
hearskjen oerjowe. Den de gelikens yn bilangen: wy Friezen dy ’t yn de
striid for de rjochten, dy ’t wy to fordigenjen hawwe yn it stik fen
tael jerne rekkenje woenen op krêftige stipe fen it folts, for hwaens
wird men wend is oandacht en earbied oer to hawwen, wylst hja fornoege
wêze scille, as hja witte, det oan ’e oare ich fen de skiedende sé in
folts wennet, dat utering jaen scil oan syn tankberens for hjar
sedelike stipe, hwer soks foech jowt: sa wirdt it ús dúdlik, det dizze
de bounsnoaten wiernen, nei hwa ’t langjend en fortretlik fen twivel de
moedleazen ûnder ús sochten—en earlik en iepen sein, hwa ûnder ús, dy
’t nea net soarch hie oer de ôfrin fen de striid?

De wichtige frage, dy ’t goed en folslein biandere wirde moat, omdet
dêr sa folle bilangryks fen ôf hinget, bliuwt dos dizze: ho bringe wy
tichter en steviger oansluting mei Ingelân ta stân?


Al is dizze langstme nei tichter oansluting by it lân oer de sé yet nea
net mei de dúdlikens utere, dy ’t ik miende ek hjir biwarje to moatten,
dochs kin en mei ik net sizze de earste west to hawwen dy ’t hjar
fielde, omdet der yn de skiednis fen ús taelbiweging fen de lêste
jierren bliken binne to finen, det noch oan ingelske en fryske
taelkindigen, noch oan in diel fen ús folts, nij is hwet ik niis
útspriek. Twa dingen wol ik op wize, dy ’t der neffens myn bitinken fen
tsjûgje, det sok in oansluting net lang mear op hjar wachtsje litte
scil, en dy ’t sadwaende fen like folle bilang binne for ús taelstriid
as hja fortuten dien hawwe en dwaen scille for de bloei fen de fryske
taelwittenskip.

Neidet dûrjende de hiele njoggentjinde ieu de stúdzje fen dizze
taelwittenskip en -skiednis for fierwei it greatste diel bioefene wier
fen dútske learden, fen Friezen mar for in lyts diel, wylst men mar
komselden in ingelske namme neamen hearde, is hjiryn mei en koart nei
it bigjin fen de tweintichste ieu in bitsjuttende foroaring kommen. De
Dútskers geane fierder mei hjar oandacht ús tale ta te wijen, yn safier
hja piele mei djip-geande taelstúdzje, al wit it jonger slachte net
mear dy krêften to ûntwikkeljen, hweroan wy njonkenlytsen by de dútske
learden wend wiernen, wylst yn Fryslân de bêste en dreechste
tael-bioefeners as hjar bitinken uterje, det dizze for ús tael sa
bilangrike stúdzje like folle en mear forsoarge heart to wirden fen
soannen út it eigen lân as fen ús eastlike bûrljue en—tige wichtich
forskynsel dit—der yn Ingelân somliken bigjinne mei oandacht de
oplibbing fen Frysk to folgjen. En nou is it treastelik to sjên, ho ’t
foartdalik de oansluting twisken de fryske en ingelske learden ta stân
komt, hwerfen by de Dútskers, hwaens wirk dochs hwet dit oanbilanget
tige to achtsjen en wirdearjen is, nea net praet wêst hie, alteast
hyn-efte-nei net yn dy miette, as wy tsjinwirdich mei de minsken út it
West waernimme. Yn dit forbân heart foarâl neamd to wirden it
trijemanskip De Clercq-Sipma-Craigie, hwerfen op dit gebiet, lyk as
bikend is, noutiids fierwei de measte krêft útgiet, sadet der alle
reden is oan to nimmen, det wy oer it plak fen it Frysk yn de
indogermaenske talen en net minder oer de forhâlding fen de fryske
„dialekten” nou de klearrichheit krije scille, hwernei al sokke lange
tiden winske waerd. En sa komt den út it greate ryk yn 1909 Dr. Craigie
oer nei syn fryske frjeonen om yn it lân sels nei de sprake, hwerfor hy
folle bilangstelling fielt, ûndersiik to dwaen en safolle mûlk mei hjar
wêzen op ’e hichte to kommen, hweryn hy op biwûnderenswirde wize
slagget; as gefolch dêrfen forskynt yn 1913 fen de hân fen in Fries,
nou de hear P. Sipma, de bêste biskriuwing fen it lûdwêzen fen ús tael
en spraekleare fen it Frysk, dy ’t wy oant nou ta ûnder eagen krige
hawwe, en diz’ kear howol it in wittenskiplik wirk is fen bûtengewoane
wirdij, net mear earne yn Dútsklân ef yn de Dútske tael, noch yn it
Frysk, dat dêrfor in to lyts taelgebiet hat, mar printe op de
University Press to Oxford en diel foarmjend fen de „Publications of
the Philological Society”. Yn forbân mei hwet ik hjir bihânnelje is
foarâl fen bilang de winsk, dy ’t de skriuwer uteret oan ’t ein fen syn
Preface:

—May his (nammentlik dat fen Dr. Craigie) example be followed by many
in showing an interest in the study of my native language, which has
been overlooked and neglected for too long a time,

en fierders de bikende utering, dy ’t nou ek fen Ingelsken fornommen
wêze kin:

—But still more noteworthy is the fact that Frisian is of special
importance as a sister-language of English. From time immemorial
English and Frisian have had in common a certain number of
peculiarities in their system of vowels and consonants: these must have
been proper to the original Anglo-Frisian language...

Hjir hawwe wy dos al in stikmannich oanwizings, det de oansluting
twisken de fryske en ingelske _taellearden_ ta stân kommen is, sadet ek
hjir aldergeloks de grounslach al lein waerd, hwerop wy, dy ’t dochs
ûnmûlk alle nedige herfoarmings it earst oanwize kinne, omdet ek ús
krêften ienris in ein nimme, inkeld mar hoege fierder to bouwen. De
oansluting, dy ’t nou alderearst oan bar komt en hwerby wy allinne tige
foarútgean kinne, is dy twisken de ingelske en fryske skriftenkennisse,
dy forwezentlike wirde moat, om in tsjinwicht to hawwen by de ynfloed
fen de hollânske kinst. Ek dit is net mear as de strange trochfiering
fen in bigjinsel, dat al fen de bêsten oannommen waerd en dêr ’t men
dos net mear oan ûntkomme kin; mei in pear wirden wol ik yet efkes
oanjaen, hwet neffens myn bitinken de bêste wei is for de oansluting
twisken de skriftenkennisse fen beide foltsen, hwerfen it gefolch
fensels wirdt, dat de beide naesjes better mei eltsoar bikend reitsje.

In forearing fen somliken ûnder myn jonge frjeonen-meiwirkers, dy ’t
earst, ik jow it jerne ta, ek mines wier, mar dy tsjinwirdich by my
jimmerwer oan waermte en fieling fen ljeafde forliest, en my net mear
haget lyk as to ’n earsten, do ’t ik alles hwet tsjin folkskinst
skettere yet yn de earmen fleach, is dy for de hollânske ljuwe fen
tachtich. Nou mei dit miskien ek by somliken fen hjarren to forklearjen
wêze út wearze fen de folkskinst, hwerop wy yn Fryslân folle ûnthelle
waerden, en dy ’t men ús yet jimmer tapijt, en út ynlike forearing for
de persoanlike kinst—is dizze forklearring de wiere, den mei men dizze
biwûndering in lokkich forskynsel neame—, mar in greate kâns bliuwt der
bistean, det wy mar mak de miening oernimme fen hwa ’t yn Hollân alle
letterkindige wizens miene to bisitten en det wy _sa_ ûnder ynfloed
steane fen de kritikasters dêrre, det wy de macht net mear hawwe sels
to skiftsjen en sels to ûndersiikjen—hwet hiel hwet earnstiger liket—.
Hwent as wy ús eigen fris oardiel biwarre hiene, scoenen wy ringen
bigripe, ho ’t de hollânske skriftenkennisse troch de revolúsje fen
tachtich wol lottere waerd fen hiel hwet ûnwiers en minderwirdichs, mar
net oansterke yn inerlike sielekrêft en wezentlik al likemin yn
bliuwende wearde, en det men de hollânske letterkindige net yn wêzen,
mar yn gefolch earder lykje moat by de frânske steatkindige revolúsje
fen 1830, as by de Greate fen 1789. It wirdt sikersonk tiid det wy
ynsjogge, ho ’t njonken rju sonnettisten, dy ’t de ynlikste biwûndering
fortsjinje om de suverens, hwermei hja hjar heech-minskelike fieling
witte to uterjen, romanskriuwers as van Eeden en de Meester, bihearre
ta de wrâldletterkinde en det de alles-omfetsjende en folslein-suvere
kinst, hwerop ús tael wachtet om krêftiger as ea de takomst tomjitte to
gean, ûnmûlk ûntstean kin troch in slaefske neifolging fen ’e nijste
hollânske skriftenkennisse, hwerfen it oerstjûre wêzen ek yn
tsjinstriid is mei de rêst fen ús romme kontreijen.

Fortsjinstliker as ús oer to jaen oan de lieding fen de hollânske
kritikasters, liket it, myn frjeonen, for ús mei eigen fieling en
oardiel ris nei to gean eft der oan ’e oare ich fen de Noardsé den
wierlik sa’n bytsje goeds skreaun wirdt, as men ús faken forkindige;
better as de omgong to siikjen mei de hollânske langhierrige en
forwieljassige jonge kinstners, hwaens iennichst doel it liket in
hopeleazen war to dwaen de minlike frânske swier, bihaechlikens en
lossens machtich to wirden, det men dochs foarâl net sjên kin ho ’t hja
opwoeksen binne op klaei- en fean-boaijem, liket it, oansluting to
siikjen mei de jonge ingelske kinstnerswrâld, dy ’t noutiids net tinkt,
mar docht, net skriuwt, mar striidt for it eigen lân. Troch, mocht it
mûlk wêze, tiden to toevjen dêr jinsen oer sé en ús jonge, dêr for ús
woune frjeonen, for hwa ’t jimmer ús fielen wier, to noegjen nei it
eigen lân, det hja witte hwet wy wolle en sjogge hwa ’t ús tsjinstiet,
stiftsje wy in boun twisken minsken fen it selde bloed.




VI.

De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema.

Oan ’e reklame, dy ’t minsken as Canne, Hof en Rypma sa ynskiklik
wiernen to meitsjen for ús bigjinsels en wirk, scil it for in great
diel ta to skriuwen wêze, det it my sikerwier lokt is, mei myn kritiken
yn ’e Ljouwerter Krante, dy ’t oars—en ik siz soks mei greatskens—net
bjuster populair skreaun binne, dochs alle Friezen ús eigen lân to
birikken, dy ’t mei nocht al it wichtichst yn ús skriftenkennisse,
binammen dos de ûntwikkeling fen jongeren, folgje en ûndersiikje. Dizze
biskôgings, foarâl dy oer it wirk en it streevjen fen Jan fen ’e
Gaestmar, hienen, trochdet it oanfallen hearskip sa jamk syn mûle
foarbypraette, eigenaerdige gefolgen, dêr ’t wol de oandacht for frege
wirde mei, om ’t it sa mei forbjusterjende klearens bliken docht, ho
nearzich ûngeef de tastânnen yn ús skriftenkennisse wiernen foar it
opkommen fen ús, Jong-Friezen.

Yn myn earste opstel, dat biskôge wirde moat as in ynlieding for ’e
hiele rige, wiis ik der op, det Jan fen ’e Gaestmar him yet jimmer
lokkich priizgje mei om it kommando oer in pear tsjinstfeinten, ljuwe
oars fen minder wicht en bitsjutting, mar dy ’t, nei oarders fen hjar
foreare Master krige to hawwen, mei nuvere redsumens al faker as ienris
de hiele Algemiene Gearkomste wisten to meitsjen ta in âlderwetske
poalske lânsdei,—sûnder krekt oan to tsjutten, hwa ’t ik hjirmei
miende. Lyk as ik forwachte hie, fleach de hear Canne, de forneamde
Gearkomste-Ropper, al foartdalik tsjin ’e lampe en frege yn in oerstjûr
stikje yn ’e Ljouwerter Krante my om biwizen for sok sizzen, dy ’t ik
dodestiids miende yet ljeaver net meidiele to moatten, sadet ik him
inkeld oanret haw, de skoech oan to lûken, as dy him sa krekt passe
mocht, dêr ’t er tige breinroer om wirden wêze moat. Nou lykwols fyn ik
frijichheit, hjir mei to dielen, hwet in lid fen it Haedbistjûr, dy ’t
yn Ljouwert lieding jowt oan it krite-libben (_net_ dos de hear Sipma)
my yn forbân dêrmei to witten die: det de hear Canne syn toanielstikken
lyk as „Rjochten en Plichten” tastjûrt oan ’e Gaestmarder Hear, dy ’t
him den oanwiist hwet dêryn forbettere wirde moat; det by de opfiering,
as it niismiende Haedbistjûrslid de hear Hof rounút seit, det er net
folle goeds sjên kin yn it stik fen syn frjeon Canne, dizze dit
forklearret as tige bigryplik, „om ’t Canne net alle foroarings
oanbrocht hie, dy ’t hy, Hof, him opjoech”; en det yn it krantsje, der
’t Hof haedredakteur oan is, sok in stik, netjinsteande dy
bigryplikens, dochs wer bioardiele wirdt op in ginstige wize, det it is
om der wé fen to wirden. De lieder fen it Ljouwerter krite-libben
fornijde my bûtendat, det him langlêsten hwet oanbrocht wier, dêr ’t it
yet klearder út waerd, det ik it by ’t rjochte ein hawn hie, do ’t ik
Canne in tsjinstfeint fen Hof neamde; ik haw der net fierder op yn
frege, om ’t ik fen myn gelyk wol oertsjûge wier, ek sûnder nije
biwiisstikken, mar kin de hearen Hof en Canne út goederbêstens yet de
rie jaen by dit Haedbistjûrslid fierdere taljochting to siikjen, dy ’t
hjarren sûnder mis den jown wirde scil, mear as hjar sels wol ljeaf is.

Oan it ein fen myn fjouwer opstellen oer ’e Gaestmarder Hear joech ik
in pear gearfettings fen hwet ik sein en biwiizge hie yn myn kritiken,
in koarte oantsjutting fen ’e haedsaken, dy ’t letter noch fen Hof,
noch fen Rypma my sels mar mei it oanheljen fen sitaten ûntstriden
binne en dos biskôge wirde meije as algemien wier-field en oernommen,
sadet ik se hjir mei yet ynliker klam as to ’n earsten, herhelje kin:

1. Om ’t it diel fen ’e „Klankboarne”, dat trochgean wol for djipfield
dicht, al dalik bliken docht inkeld to bistean út in heap ûnwiere,
rombommige utering, hwerfen eltse ynlike fieling skou is, docht men
forkeard en is men ûnbinlijk jinoer it wiereftich talint, as men de[10]
rimeler Hof forearet mei de dichternamme.

 [10] Noutiids wol ik hjir ynlaskje: _him dêryn uterjende_.

2. Om ’t it oare diel bistiet út breklike oersettings en rymstikken, dy
’t hjar ek net útjaen wolle for mear as dat, kin sels de meast
ynskiklike krityk net de miening uterje, det mei de „Klankboarne” praet
wêze kin fen in forriking fen ús skriftenkennisse.

3. Om ’t de mislearring fen ’e biweging fen 1905 foarâl hjiroan ta to
skriuwen is, det de hear Hof, howol dekadint fen ’e tachtigers,
oannommen waerd as hjar lieder op it fjild fen taelstriid en
letterkinde, is it net dúdlik hwer ’t de fortsjinsten fen de nou
bispritsen skriuwer to siikjen binne, en kin him, alteast to’n earsten,
for syn streevjen yet gjin liedende posysje taskikt wirde.

4. Allinne den scil de hear Hof yn steat wêze ienris minder ûnsuver
wirk to jaen, as er, weromkommend op syn ûnbiredenearre sels-forearing,
en war dwaende him hwet suverens en rêstigens fen utering eigen to
meitsjen, mei de die tajowt, det syn rombom fen eren net fierder
biachte hoecht to wirden.

Woe men dizze gearfettings mei fortuten bistride, den scoe men
oertsjûgjend taljochtsje moatte, det de „Klankboarne”, yn safier dizze
dichten bifettet, utering jowt oan suvere fieling yn oprjochte wirden,
det de rymstikken bjuster geastich binne, en de oersettings
fortsjinstlik; det de hear Hof gjin skild hat oan it mislearjen fen ’e
biweging fen 1905 en det er do ús taelstriid laet hat mei talint, wylst
troch it bistriden fen ’e twa earste de fjirde gearfetting fensels
krêftleas wirde scoe. Om ’t hjirta nimmen yn steat wier, kaem der fen
soks lykwol neat en hie de simmeleftich-wirden Gaestmarder Hear, dy ’t
jimmer yet yn ’e loksillige ynbylding liket to libjen, det er hearsker
wêze koe op Fryslâns fjilden, roun to sjên nei oare, mocht it ek wêze
minderweardige middeltsjes, om sa alteast yet hwet fen syn eren sa
krêftich prestige to biwarjen. Tsjin better witten yn biskildige hy my
derfen, det myn ienris ginstige miening oer syn wirk, omslein wier yn
in ûnfortsjinne-leechlizzende, _neidet_ en _omdet_ er my in bydrage for
syn krantsje, dat my do allinnich fen hearren sizzen bikend wier en
hwerfen ik net ealge det de Gaestmarder Hear bistjûrder wêze koe,
wegere hie plak to jaen. Dit sizzen, dat my oantaeste moast yn myn
namme fen earlik en oprjocht, allinnich sims hwet strang kritikus, koe
net ûnbistriden bliuwe, om ’t men oars fen my tinke mocht, det ik by it
bioardieljen fen in wirk gjin rekkenskip hold mei it bilang fen myn
tael, mar mei dat fen mysels en soks de saek, dy ’t ik fordigenje, wol
skea dwaen moast. Deselde jouns yet, det dizze lytse mar wol tige
Hof-eftige, ommers eltsenien nei him sels ôfmjittende, biskildiging
priele yn it Ljouwter Nijsblêd, hwerfen it gehalte dêrtroch dochs slim
rize koe, skreauwen myn frjeon Sybesma en ik neikommende stikken, dy ’t
gjin taljochting mear fen neden hawwe:

Ljouwert, 5 July 1915.

_Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwter Nijsblêd._

Ik noegje Jo út, ynlizzen stikken op to nimmen, hwerby Jy nei ’t ik
hoopje mei blidens fornimme scille, det ek ik bisleat my de weelde fen
in pleitbisoarger to ginnen. Immen, dy ’t sels, om ’t er gjin man fen
it debat is, it bistiet in oar de kastanjes út it fjûr helje to
litten,[11] kin hjiroan, nei ’t it my taliket, net bêst niget hawwe.

(_w. t._) D. KALMA.


 [11] Ik doel hjirby fensels op ’e forhâlding Hof-Canne. Noat fen ein
 Aug. 1915.

_Oan Jan fen ’e Gaestmar._

Nei ’t ik Jou artikel lêzen hie yn Jou krantsje fen ’e 5te July waerd
it my ringen klear, det ik dochs eigentlik to heech stean om sels in
andert to jaen op sok in artikel, hweryn de ûnwierste biskildigings oan
myn adres utere binne sûnder ek mar in skyn fen biwiis. Dêrom bisleat
ik de hear Sybesma, dy ’t myn oandacht for Jou skriuwen frege, ynsjoch
to jaen fen ’e brieven en stikken, dy ’t hjirmei yn forbân steane om
dêr fierder it brûkme fen to meitsjen, dat himsels it bêst noaske. Det
ik sa gau ré bin mei in forwar leit him allinne hjiroan, det ik fen
bitinken bin, det men ûnwiere biskildigings net de tiid jaen moat
woartel to sjitten yn it moed fen ûnwittende minsken.

(_w. t._) D. KALMA.

_Achte Hear!_

De hear Kalma joech my frijichheit oer to nimmen út him tastjûrde
brieven, hwet mei dizze saek yn forbân stiet. As gefolch hjirfen mien
ik Jou oandacht for it neikommende freegje to moatten:

It die my nammentlik bliken det de hear Kalrna syn earste artikel oan
’e Redaksje fen de Lj. Kr. tastjûrde, likernôch de 26ste Oktober ’14.
De earste brief alteast dy ’t er hjiroer werom krige, draecht de datum
31 Oktober.

Yn ’t bigjin fen de moanne Novimber fette de hear Kalma it plan op syn
rige bydragen „Fryslâns dichters”, to ’n earsten for Slj. e. Rj.
skreaun, ôf to sluten mei in bisprekking oer Jins wirk as dichter.
Hjirfor wier nedich, det er de kinde mei Jins „Klankboarne” fornijde,
dy ’t er sûnt mear as in healjier net wer mei oandacht bistudearre hie.
It gefolch hjirfen dielt de hear K. mei yn it bigjin fen syn opstel oer
dr. Schepers, det yet yn hânskrift by him leit, en blikens de datum
skreaun waerd fen _3 oant 6 Desimber 1914_.[12] Dit bigjin is sa:

 [12] Alhielendal omwirke forskynt dit opstel nou yn ’e Ljouwerter
 Krante.

„Hwa de ynlieding lies fen myn earste opstel oer ús dichters, scil him
miskien yet witte to binnen to bringen, ho ’t ik dêryn ûnthiet to
bihanneljen it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, yn safier dit ryk is oan
dichterlike wearde, dos, scoe men allicht sa op it each sizze, somlike
lyriske brokstikken út syn proazewirk en, as haedsaek, de hiele
Klankboarne. For immen lykwol, dy ’t him net fen de wize bringe lit
troch hwet heech-opjaende rhetoryske bombast, noch troch in foarm, dy
’t lyk as oan alles bliken docht net út dichterlike fieling ûntstie,
mar hweroan, tinkelik mei ytlike switdrippen, machtich war dien waerd
om oan it dicht alteast in bjusterbaerlik kleurtsje to jaen—for immen
sadwaende, dy ’t net tofreden is as hy merkbyt mei al syn biwûndering
oan ’e bûtenkant to bliuwen, mar dy ’t earnstige moeite docht om to
kommen ta de inerlikste pit fen it wirk, scil it ringen dúdlik wirde,
det de Klankboarne, útnomd in inkeld fers det letter yet wol ris
bispritsen wirde kin, yn it djipste wêzen net mear is as de utering fen
in ûndichterlike geast dy ’t, it mei den wêze út ljeafde for de tael ef
út persoanlike earsucht, mei alle gewelt neamd wirde woe as de greatste
tsjinwirdige dichter fen ús lege lânsdouwen.”

Fierders skreau de hear Kalma likernôch 5 Desimber oan de hear Sytstra,
samler fen F. M. N., det er net langer frijichheit foun, Jo, as dichter
eare to bringen. Miskien scil de hear Sytstra my de deugd dwaen wolle
de hear K. syn wirden oer Jins „dichterlik” wirk krekt mei to dielen.
Sels al wier dit brief fordwoun, den bliuwt my dit biwiisstik oer, det
de hear Sytstra yn syn andert oan de hear Kalma, det as datum draecht
_10 Desimber_, op dit oardiel oer Jins wirk yngiet. In andert op in
brief fen ’e hear Kalma oan syn frjeon B. Brouwer, hweryn er it selde
forkindige, is stimpele op de _5te Desimber_.

De hear Kalma dielde my mei, det er, do ’t er syn bydrage tastjûrde oan
it Lj. Nijsbl., noch net wist det Jy hjirfen bistjûrder wiernen en det
syn direksje de selde is, as dy ’t ek útjowt it Nijsbl. fen Fryslân.
Soks koe him, yn Raerd wenjend, hwer Jou krantsje net bjuster bikend
is, bêst oerkomme.

De _20 Desimber_ skreau er, lyk as men ûnder it artikel fine kin en lyk
as dos ek Jo bikend wêze koe, syn twad opstel oer R. Tolman. Hjiryn is,
lyk as Jy tajowe, al to fornimmen det syn oardiel oer Jins wirk wiizge
is, howol de brievekaert, hweryn Jy him de opnimming fen syn stik
wegeren, yn in slúfke siet, det stimpele is _29 Desimber 1914_.

Hjirút docht bliken, det as er praet wêze kin fen in ûnweardige wize
fen bistriden, dizze inkeld oan Jou side to bikennen is. Jy uterje
tsjin ’e hear Kalma biskildigings, hwerfen Jy sels witte koene det se
ûnwier wiernen, wylst Jy oannamen, det er sûnder middels wêze scoe om
dizze ûnwierens to biwizen.

Jy wirde hjirby útnoege sûnder útstel alles werom to nimmen, hwet Jy
mei it each hjirop tsjin de hear Kalma ynbrochten en yn Jou blêd dêroan
ta to foegjen det it Jo moeit soks skreaun to habben. Oars scil for de
hear Kalma de saek hjirmei net ôfroun wêze.

Jins tsjinstré,
(w. t.) R. P. SYBESMA.

_Alhowol it iennichste, dat de hear Hof wist yn to bringen tsjin myn
kritiken, dizze tsjin-better-witten-yngeande en ûnbiroaide biskildiging
wier, hat er wegere sels de fordigening fen myn frjeon Sybesma, dy ’t
dochs nea syn krantsje ûnginstich bioardiele hie, lyk as ik wol dien
haw, plak to jaen, hat er wegere de kopy fen ’e stikken werom to
stjûren, faeks hoopjend det wy gjin ôfskrift biwarre hienen, en is er
der mei gjin inkeld wird op yngien earder as de 21ste Aug., do ’t de
Algemiene Gearkomste dochs al mislaet wier troch syn ûnwiere
biskildiging, en er sels miende nij—spitigernôch wer like ûngeef—biwiis
to hawwen for ’e ûnkrektens fen myn kritysk ynsjoch._ Den, de 21ste
Aug. 1915, as net lyk forline jier, de sinne fortsjustere is, mar wol
it forstân fen ús Gaestmarder Hear—in minder ûngewoan barren dit—stiet
yn it Ljouwerter Nijsblêd neikommende skrutele útflecht to lêzen:

„En de moarns nei ’t de jouns it earste diel dêrfen yn it Ljouwerter
Nijsblêd stien hie, hie ’k foart al in „Ynstjûrd stik” op ’t bureau, op
forsiik fen ’e hear Kalma skreaun fen syn frjeon R. P. Sybesma, in
learling fen ’e Poutsma-skoalle hjir yn ’e stêd; in jongkeardel, dy ’t
ek in goed fers skriuwt. Det stik, mei oan ’e ein it drigemint der by,
det ik mar sûnder útstel alles werom to nimmen hie, hwet ik tsjin ’e
hear K. ynbrocht hie en der oan ta foegje moast, det it my moeide, soks
skreaun to habben, „oars scoe for ’e hear Kalma de saek hjirmei net
ôfroan wêze,”—det stik, siz ik, dêr scil ik it fierder net oer habbe
(hm, hm! K.) Myn artikel „Unwirdige kritiek” wier in wearslach op
stikken fen K. dy ’t yn ’e Ljouwerter Krante stien habbe, en wol K. dêr
eat oer sizze, den is det it blêd dêr ’t er by forskine moat. Ik scil
den wol anderje, as ’t nedich is. Yn elk gefal: de redaksje fen it
Ljouwerter Nijsblêd wol fensels mei de hear K. _ef hwa ’t út syn namme
komt_ (skeanprint fen my, K.) gjin gedoente habbe, oant er net
weromnimt hwet er yn F. m. n. oer kranten skreaun hat (faeks scil dit
barre, ear ’t, der parren oan ’e finsterbanken groeije en de
Gaestmarder Hear in fortsjinstliker krantebistjûrder wirdt. K.) Om ’e
selde reden hat dy redaksje it briefke „Oan ’e bistjûrder fen it
Ljouwerter Nijsblêd” det de hear K. der by dien hie, oan ’e kant lein.
Mar der wier yet in briefke fen ’e hear K. by „oan Jan fen ’e Gaestmar”
en dêr sei er yn, det it him ... „ringen klear waerd, det hy dochs
eigentlik to heech stie om sels in andert to jaen op .....” ensfh. En
_dêrom_ hied er bisletten de hear Sybesma .... ensfh. Dy—mar hat dy
sels dit briefke wol lêzen?—stie dos net to heech .... (De Gaestmarder
Hear lies yn syn oerstjûrens, sûnder de bitsjutting fen ’e wirden to
fetsjen: it forskeel twisken Rintsje en my wier fensels, det, as ik
bigoun to skriuwen ik my sels fordigenje moast, wylst hy bûten it
eigenblik skeel stie en net de smoarge menear fen bijegenjen fen Hof
ûnderfoun hie, dêr ’t ik my oer fornoegje mocht. Hy hat it briefke den
ek wol lêzen ..... O Gaestmarder Hear, is de sinne den ivich
fortsjustere? K.)

Do ’t ik net andere, mar de oare deis bidaerd-wei de twade helte fen
myn artikel forskine liet, habbe de beide baesmannen fêst wol ynsjoen,
det se hwet to gau west en ek to folle loslitten hiene, hwent in pear
dagen letter krige ik in koarte sommaesje fen ’e hear Sybesma, om him
sûnder útstel de my bikende stikken (to witten it ynstjûrd stik fen S.
en de beide briefkes fen K.) werom to stjûren, „dy ’t ik mei de nedige
taljochting nou opnimme litte scil yn ’e Ljouwerter Krante,” stie der
by.

Ik hab neat weromstjûrd en tink ek neat werom to stjûren. De hear
Sybesma kin lykwol de twa postsegels, dy ’t er by syn lêst brief yn
die, werom krije, as er de reis derom dwaen wol. En in goêrie derby.”

Ik jow eltsenien frijichheit, him in eigen oardiel to foarmjen oer ’e
wizânsje, dêr ’t de Gaestmarder Hear mient syn plichten as bistjûrder
op waernimme to moatten, ek de hear Hepkema, dy ’t wiis dwaen scil, as
er wer bistjûrders siket for in krante fen sines, mei hwet better to
hifkjen; ik wiis der yet op, det Hof myn kritiken útmakket for
ûnweardich, net om ’t myn oardiel en dos binammen myn gearfettings
bjuster ûnkrekt wéze scoenen, mar om ’t ik, lilk wirden om it wegerjen
fen myn wirk „De tinzen fen Fryslân”, dêr ’t ik net tankber genôch for
wêze kin, myn miening wizige hie, in biskildiging, hwerfen de
opsettelike ûnwierens biwiizge is. Myn gearfettings, hwerta ik dos kaem
nei soarchsum-neigeand ûndersiik, bliuwe stean as in bidriging for
elts, dy ’t de weardij fen ús sprake opofferje wol oan forearing fen ’e
ôfgod fen syn Ik; de Gaestmarder hear lykwol, skriklik bearend en mei
lûd gegûl, de hân hâldend tsjin it ûnderste diel fen syn rêch, dêr ’t
myn swipe faeks hwent al to pynlik strime, stroffelet keakeljend it
bureau fen syn krantsje, Galileëer Kerkstraat safolle, binnen en hjit
syn ûnderbistjûrders, sûnder útstel del to knibbeljen, him sa
fornoegjend yn ’e yllúzje, det men yet yn oanbiddende biwûndering
lústeret fen syn geny. Gerdyn: ein fen ’e earste útkomste.


Neidet dit mislearre Kloos-ke fen ús skriftenkennisse in toarn stien
hat to dounsjen fen oerstjûrens, rideljend fen simmeleftige
koartslangstme wer in wraem to dwaen op ’e jonge biweging, dy ’t him
wol-fornoege yn ’t spier kommen seach, ljochtet der troch de
tongerkloften fen ús Gaestmarder boppeloft in skriklike flikkerstriel
en prúst it hearskip forheftich, as teiken, det ringen „it donker swirk
syn tsjoed útspije moat”. „It is ús in wier en ljeaflik feest, soks to
oanskôgjen” sizze wy, en slagge de kape oer ’e holle, mar pakke meiien
de wirge dounser by syn baitsje, en sette him sa, det it measte fen
dizze snijende heil komt op ’e forheven kriten, dêr ’t hy, foar eagen
fen hiel Fryslân, stiet oan to gean, de fûsten rôljend en
wiid-útspriedend de earmen, lyk in houten-klaes, oan hwaens toutsjes in
opslûpen jonge lûkt, skodzjend fen it laitsjen, as er bar om bar de
foetten en earmen op en del gean sjocht mei krampeftich-gammele
biwegings. Dizze houten-klaes lykwol, net inkeld slacht er mei skonken
en hânnen, mar ek syn eagen rôlje en de noaskebril wibelet, det it in
wille is en in eachweid, dêrnei to skôgjen: sjoch him der stean,
oangeande hwer wy him yn in oerdwealske rite set hawwe, fordet hiel
Fryslân wearze krije scoe fen syn oerstjûre menear fen dwaen, lyk as de
Spartanen yn âlde tiden dronken hjar slaven boarnden, det eltsenien
merkbite scoe ho minderweardich in minske yn sok in tastân oangiet. En
wiles skûrt it swirk iepen en de heil tommelet del en kitelet de
Gaestmarder Fersenmakker net bjuster noflik en al mear bigjinne syn
eagen to rôljen en syn bril to wibeljen en syn earmen en skonken to
slaen: tsjinje wy him dos dalik in bidimjend middel ta en skriuwe wy
him lange tiden rêst for, hwent oars scoe soks einje kinne yn in
delirium, dêr ’t er dochs biwarre for bleaun wirde moat.

Litte wy lykwol yn gewoan-rêstich proaze, lyk as wy jimmer wend wiernen
to skriuwen, (ik prebearre hjir in toarn utering to jaen, op in wize,
as dêr ’t Hof op wend is de jonge biweging to bistriden) forhelje ho ’t
de Gaestmarder Hear, neidet syn earste oanfal ôfstuite is op ús
rjochtfeardige bioardieling, bisiket de boppemeidielde gearfettings
hjar krêft to binimmen, om ’t er—bigryp ris oan—„dichterlik (!) wirdt
fen sin-oan-tsjoed-dwaen, sa ’t er tinkt det Nero waerd do ’t er Rome
barne litte scoe; sa ’t grif Lamech wier, do ’t er song: „Wier-wier, ik
scoe in man deije om myn woune, en in jong feint om myn bûde!” (Nommel
trijemanskip: Lamech-Nero-Hof! K.)

„Det hab ik by riten hawn.

„By riten, hwent sims kaem dy wearaksel yn alle wrake wer boppe, dy ’t
nei ’t ik tink, dôch lokkich yn alle sountinkende siele biskepen is, en
dêr ’t Jezus de heechste, treflikste utering oan jowch, do ’t er sei:
„As immen dy op it lofterwang slacht, hâld him it rjuchter ek ta.”
(Skandliker profanaesje barde der wis nea net yn ús skriftenkennisse;
hok for gelove Hof hat, kin minder skele, mar hwa ’t Jezus forearje as
de stifter fen ús godstsjinst, docht it pynlik sear, sok in namme yn
sok in forbân to hearren. K.)

„En nou ’t it bigjin fen hwet ik forwachte pleats hawn hat: nou ’t ik
hwet yn ’e rik hab, dêr ’t ik by need wol mei ta kin, nou bin ik den
alteast sa fier, det ik kear ôf, mei beide hânnen tagelyk (hy bigjint
wer mei de earmen to slaen; K.), hwet oars yet folgje mocht. Ut
foarsichtigens, om it net to fier to driuwen, sa hab ik mysels en in
frjeon, dy ’t my yn dizze saek holpen het, wysmeitsje wollen. Ut
tsjinnichheid yn ’t brûken fen ’e boalsbile, dy ’t it bline rjucht my
yn ’e hannen triuwt (ta fordjer for de bline Gaestmarder Hear, dy ’t
him dêrmei yn ’e skonken slacht, K.) docht my bliken, nou ’t ik
_djippernôch yn ’e skatkeamer_ (!!! K.) fen myn tinken _taest_ (!!! is
it wer net fornoegjend, dizze heal-eigenwize en oanstellerige bombast?
K.)”

De 17de July den, forskynt der yn it Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter
Krante, it blêd, dat út fier-sjênde wizens jerne plak jowt oan
fortsjinstlik wirk fen myn maten en my, in sonnet ûnder de suvere en al
foartdalik sympatyk oandwaende titel „Myn taflecht” en ûnderteikene G.
J. F.,—yn ’e neikommende wirden:

    „Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde
    Fen ienlikheid; by dy wier ’k bûten noed,
    As twivel spûkrich omgong troch myn moed
    En ’t soarchsum opkweekt herteblomt’ towâdde;
    Forbjustring oer my optwong, sa ’t in kâlde,
    Wreed blauwe loft omheech twingt, oant forgoed
    Hjar tsjuster ’t wint, en ’t donker swirk syn tsjoed
    Utspije moat, foar ’t ierdryk wer yn ’t âlde
    Sêft-glânz’ge ljocht, det oer ’e lannen lei
    Foar ’t ûnwaer kaem, him swiid formeitsje mei.

    Den socht ik dy en mocht dy altyd fine;
    Under it boldrich driigjen brochst my wei
    Nei fredich-stille kriten, dêr ’t de dei
    Syn glâns hâldt en gjin onwaerswolken wine.”

Nei dit efkes biskôge to hawwen, die it my bliken, det hiel goed fen
utering en geef fen fieling wiernen de rigels 1, 2, 11, 12 en 13_a_,
wylst twiveleftich wiernen de rigels 9 en 10 en hwet oerbleau, tinkelik
ûnwier fen fieling, hwent alteast ûnwier fen utering neamd wirde
moasten; det lykwol de bou, howol ôfwikend fen ús biwende italiaenske
foarm, oarspronkelik en krêftich wier, sadet ik sterk bigoun to fielen
det, wier de skriuwer hjirfen yet jong en hied er as gefolch yet in
libben fen ûnderfining en learing foar him, alteast fen in ûnthjit
praet wêze mocht. Mar neilêzend waerd ik heal wé fen dat sizzen: „en ’t
donker swirk syn tsjoed útspije moat,” dat my wer tinken die oan immen,
dy ’t ik koartlyn bispritsen hie yn fjouwer sakelike artikels en my oan
it neimimerjen brocht, eft it wol hielendal ûnmûlk wier, det ik hjir to
dwaen krige mei myn Gaestmarder frjeon, dy ’t wer brûkme makke hie fen
in tsjinstfeint.

De oare deis—it wier Snein—roun ik to kuijerjen mei myn frjeon Ate
Sevenster, en mei him pratend oer fryske saken, spriek ik tsjin him as
myn bitinken út, det it wizer wêze scoe as net inkeld fjouwer, mar alle
njoggen my oant do ta bikende jong-fryske skriuwers, hjar yn ’t
iepenbier bigounen to ûntwikkeljen en sei him, det ik yn it Sneinsblêd
sjoen hie, det der wer immen opkaem, dy ’t wol yet gâns to learen hie,
mar yn hwaens wirk nou by soarchsum ûndersiik al in ûnthjit to bikennen
wier. Do ’t er hjir neat op andere, frege ik:

—Jy hawwe dochs „Myn taflecht” fen G. J. F. lêzen?

—Ja, mar dy „ûnwaerswolken” en dat „útspijen”...

—Dat roait fensels kant noch ich, mar it kin him ôfleard wirde. Ik wol
bisiikje, forbining mei him to krijen.

—Ik scoe hwet oppasse: witte jy hwet ik tocht haw? G. J. F., it scoe
mei draeijerij _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze kinne.

—It sonnet scoe der net minder om wirde, al liket it hopeleas, det it
ûnthjit den ûntwikkele wirde scil. Ik haw der sels ek al oan tocht, en
ik scil der by it skriuwen fen myn brief rekkenskip mei hâlde, en
allinnich prate fen in ûnthjit. Is hy it, den moat er wol tige moedleas
wirde...

En thúskommen fen myn kuijer, skreau ik dit brief:

Ljouwert, 18 July 1915.

_M_

Ta myn blide forwûndering fyn ik yn it lêste Sneinsblêd fen ’e
Ljouwerter Krante in stoerboud sonnet, hweryn ik tige sterk in ûnthjit
fiel,[13] en dat ûnderteikene is mei trije foarletters, hwerfen ik hiel
klear wit det gjin ien fen de my oant nou ta bikende Jong-Friezen hjar
draecht. Om ’t ik sikerwier gjin kâns sjoch, oars út to finen hwa ’t de
skriuwer fen dit fers wol wêze mei, haw ik de redaksje fen ’e
Ljouwerter forsocht it adres, dat hjar fensels bikend wêze moat, op it
slúfke to setten, om sadwaende dochs mei Jo yn forbining to kommen.

 [13] Yn syn oerstjûrens docht de Gaestmarder Hear jimmeroan, ef hie ik
 skreaun „in tige sterk ûnthjit”, ef hie dos, yn pleats fen myn
 fieling, it ûnthjit tige sterk west!

Ik hoopje dos, det Jy sa frjeonlik wêze wolle my sa gau as ’t mar mûlk
is, Jins folsleine namme en Jins adres op to jaen, om ’t der wol gjin
twivel bistean kin, eft Jy scille bikend wêze mei it streevjen fen in
jong-fryske biweging en dêrfor faeks sels rju folle meifieling
oerhawwe. De striid, dy ’t wy noutiids hawwe út to fjochtsjen mei hwa
’t it goede wolle, mar it tsjoede winne, en hwerfen it allinnich
spitich is, det er net swierder wirde wol—hwent ho krêftiger in striid,
ho moaijer en wichtiger—twingt ús hâld oan eltsoar to siikjen en sa,
neist eltsoar, troch to setten oant wy oerwoun hawwe.

Ik hoopje tige, det Jy net to fier fen my ôf wenje; mocht dizze winsk
wierheit wêze, ringen scoenen wy den mei eltsoar petearje kinne oer ’e
dingen, dy ’t ús djûr binne en alteast in diel fen ús krêften opeaskje.

Mei gr. en achtinge,

Jins tsjinner,
D. KALMA.

Emmastr. 23.

Yn ’e tiid, dy ’t forroun twisken it opstjûren fen dit brief en it
ûntfangen fen in andert brocht ik in bisiik oan ’e hear Sipma, in lid
fen it Haedbistjûr fen it Frysk Selskip, en praette mei him oer it
sonnet yn it forneamde Sneinsblêd op net ûnginstige, howol krityske
wize, deroan tafoegjend, det ik bisocht mei de skriuwer yn forbining to
kommen, wer sûnder myn ealgjen fen Gaestmarder wirk mei to dielen. En
de hear Sipma:

—Wêz forsichtich, sei er; okkerjouns, do ’t ik oer dat ding siet to
prakkesearjen, kaem der in aldernuverste miening by my op: G. J. F.—kin
it _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze? Mar ik kin my net bigripe, ho ’t dy
yn ’e Ljouwerter komt.

—Ik bin ré op elke draeijerij fen Hof, mar moast dochs mei de skriuwer
yn forbining sjên to kommen, hwent it koe in oar, b.g. in learling fen
him, wêze. Ik skreau fen in ûnthjit, en dêrtroch kin er net bêst noch
eigenwizer wirde; hy kin der yn elk gefal neat mei bigjinne.

Mar wy beiden wisten yette net, det by de Gaestmarder Sinne
fortsjustering regel is en ljocht útsûndering, en rêstich arbeide ik
troch, oant ik einlings en to ’n lêsten op myn brief, hwerfen ik de
ynhâld niis-krektsa meidielde, it folgjend andert krige, dat my dalik
wer hiel hwet erchtinkender makke:

Beetstersweach, 11 Aug. 1915.

_Achte Hear Kalma!_

Jou brief ha ’k ûntfongen, ’t dûrre hwet lang, mar det kaem trochdet ik
in skoftsje fen hûs west ha.

Mei koarten scil ik Jo wol ris mear skriuwe, ’k ha ’t nou hwet hiel
drok mei myn saken. Myn tank for Jou bilangstelling.

Wol Jy my skriuwe, doch ’t den forearst „poste restante Beetsterzwaag,”
hwa en hwet ik bin? deroer letter ris.

Mei achting,

Jins tsjinner,
G. J. F.

Myn lokkich stjerte, dat my, sa faken ik yn forbining kom mei Jan fen
’e Gaestmar, trochstrings yet ginstiger ljochtet as ornaris, brocht my
foartdalik ta de forûnderstelling, det dizze brievekaert, skreaun wier
mei de hân fen immen, fen hwa ’t ik net folle goeds to wachtsjen hie:
dy fen Canne,[14] hwaens hânskrift ik ienris biwûndere hie; en wiken
bin ik ûnforsetlik yn dy miening bleaun, oant my earst earjister in
brievekaert fen dit hearskip taskikt waerd, hwerút ik sjoch, det it
tige wierskynlik liket, det ik my yn dit stik fen saken forsind haw.

 [14] It wier my nammentlik net ûnbikend, det de heit fen ús
 Gearkomste-Ropper skoallemaster is (west hat?) earne yn ’e omkriten
 fen ’e Sweach, en, om ’t it fekânsje wier, tocht ik det de hear C. Jr.
 der útfenhûzje mocht.

Under de ynfloed fen dizze ûnkrekte miening, skreau ik oan G. J. F,
poste restante Beetstersweach, efter hwa ’t ik op ’e iene ef oare wize
Canne miende siikje te moatten, in kaert, dêr ’t ik my op hwet
gekoanstekkerige menear yn utere, howol ik yet jimmer rekkenskip hâlde
moast mei de kâns, det in ûnbikend persoan de skriuwer wier, de
forûnderstelde hear Canne „de sphinx oan ’e Boarne” neamde, him it
útstel die, de korrespondinsje sa troch to setten, om ’t it hearskip sa
fiks myn nijsgierrigens wekke hie en ik „fen sensaesje hold”—en as myn
miening to witten die, det de skriuwer fen ’e brievekaert for in examen
siet, hwet de opleappende hear Canne ridlik noflik kitelje koe. Dizze
kaert, hwerfen ik sels gjin kopy biwarre, lyk as by brieven nea net myn
gewoante wier, hat de Gaestmarder Hear yn syn Nijsblêd-artikeltsjes, om
’t er ynseach, det troch dy gekoanstekkerij syn hiel geskreau, det ik
der ynflein wêze scoe, machtleas wirden waerd, ljeaver net meidield, om
’t er „in gefoel hie, as wier er der net op in suvere wize oankommen.”
Men scoene wé wirde fen sok in draeijerij, en, om hem ek dy útwei ôf to
skoatteljen, jow ik, de skriuwer fen dizze kaert, him alle soarten fen
frijichheit de ynhâld, mar den ljeafst wird for wird, mei to dielen, al
scil er faeks hjirtsjinoan skoarje, om ’t syn sizzen, det ik der
ynflein wier, den dúdlikernôch opsettelike ljeagen waerd. Hwent ef de
Gaestmarder Hear is tsjin ’e lampe roun—mar den moat men him ek
biskôgje as in man, dy ’t sims it bistjûr oer syn dieden en binammen
syn wirden mist, en fierders as immen, dy ’t yn ’t iepenbier jerne in
oar fen brekken biskildiget, dêr ’t er sels mei bisocht is, om sa syn
eigen ûngevens to forbergjen,—ef ik bin foar de kroade riden, mar den

1o. moat men yen forwûnderje, hwerom de ynhâld fen ’e niismiende kaert
net meidield wirdt, en as de Gaestmarder Hear twongen is soks to dwaen,
sûnder fieling wêze for in ironyske wize fen skriuwen, en allike
tsjokhûdich as de skriuwer fen ’e „Klankboarne”;

2o. moat men, hwet ik hjirby forklearre: det fen ’t bigjin ôf earnstich
rekkenskip hâlden is mei de kâns, det efter G. J. F. Jan Fen ’e
Gaestmar skûle, ljeagen neame en my biskildigje fen ûnwierheden, my, dy
’t my dochs sikerwier nea net bisounige oan in draeijerij lyk as Hof yn
’e saek fen ’e priisfraech-boekjes;

3o. moat men de forklearring fen myn frjeon Ate Sevenster, det er my al
foartdalik nei de lêzing fen it sonnet-yn-kwesje, warskôge hie en
oanret forsichtich to wêzen, hwernei ik to kennen joech, inkeld prate
to scillen fen in „ûnthjit,” ljeagen neame;

4o. moat men de forklearring fen ’e hear Sipma, det er tsjinoer my
krekt itselde bitinken utere hie, hwernei ik forhelle, det ik mei dizze
kriichslist rekkenskip hâlden hie by it skriuwen fen myn earst brief,
ljeagen neame;

5o. moat men Jan fen ’e Gaestmar in rêstich-oerlizzend minske achtsje.


Mocht men nou fen bitinken wêze, det mear as de frage hwa fen ús twaën
fen ’e oar to grazen nommen is, fen bilang is de wearde fen it sonnet
„Myn taflecht”, foarâl yn forbân mei de neat-weardigens fen ’e
„Klankboarne, den achtsje ik my lokkich, det ik for dit nuver
forskynsel ek in folslein-suvere forklearring to jaen wit, hwerby ik
stipe wird fen Jan fen ’e Gaestmar sels, dy ’t sûnder ergewaesje de
earste lêzing fen syn fers meidielt, do ’t it yet net foroare wier nei
myn smaek, om yn ’e Ljouwerter opnommen to wirden—do ’t er it dos,
neffens syn eigen miening yet net forknoeid hie. Lyk as ik sei binne
der yn dit fjirtsjinrigelich fers wol 4½ suvere rigels to bikennen, to
witten:

    Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde
    Fen ienlikheit; by dy wier ’k bûten noed . . .

    Den socht ik dy en mocht dy altyd fine;
    Under it boldrich driigjen brochst my wei
    Nei fredich-stille kriten . . .

wylst ek de titel „Myn taflecht” hwet hie, dat gjin ien kritikus al
dalik minder ginstich stimme mocht. Lykwol docht it út de earste
lêzing, dy ’t men fynt yn „De skiednis fen in sonnet” bliken, det it
opskrift oarspronklik wier it banale en heal yn ’e mûle fen in
Dykstra-rimeler thúshearrende „Oan myn sprake”, det for „altyd” yn de
trêdde rigel fen ’e krektsa oanhelle stien hat „jimmer”, hwermei hiel
de klang fen dat suver fers fordoarn is, wylst for: „Under it boldrich
driigjen _brochst_ my wei”, to ’n earsten stie: „Dou _loekst_ my ûnder
’t boldrich driigjen wei”, hwertroch ek fen de klank-expresje neat mear
oerbliuwt. De hear Hof hat sadwaende syn sonnet, do ’t er miende it to
forknoeijen, op syn alderminst in trêdde part better makke, dêrmei wer
bliken jaende fen syn krekt ynsjoch, hwet ferskinst oanbilanget...
_Tige sterk fiel ik_,—om de wirden fen myn brief to biwarjen—

1. det as lêzing II (de Ljouwerter) skreaun waerd fen in jongfeint, dy
’t oan ’e yngong stie fen in fruchtber libben fen learing en
ûnderfining, op syn minst praet wêze mocht fen in _ûnthjit;_

2. det as lêzing II (de Ljouwerter) levere waerd fen immen fen boppe de
fjirtich jier, dy ’t dos faeks al de helte fen syn libben efter ’e rêch
hat, mar _efkes foldwaende_ mear is;

3. det as lêzing I (de Gaestmarder) jown wirdt, binammen as in
folwoechsen man ús dêrmei fornoegje wol, it sonnet _ûnfoldwaende_ is,
_howol it dichtstik bliuwt en dos yet jimmer bitsjuttend heger stiet as
alle fersen fen ’e „Klankboarne”._

As de hear Hof sadwaende syn artikeltsjes slút mei to sizzen: „It
biwiis is nou wol levere, det ik gelyk hie, do ’t ik, nei ’t ik Kalma
syn tredde stik oer my en myn wirk lêzen hie, yn mysels sei, det dy
jonge man likernôch krekt rjochtoarsom oardielje scoe, sa gau as er in
fers ûnder ’e eagen krige, dêr ’t er net fen wist, det it fen my wier;”
yn pleats fen „It biwiis is nou wol levere, det ik net sa fier mis
wier, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn trêdde stik oer de Klankboarne
lêzen hie, yn mysels sei, det dy jongen man sûnder mis aerdich hwet
goeds fine scoe yn myn nijste fersen, fen _mear as acht jier nei it
forskinen fen ’e Klankboarne_, en sels twa jier jonger as myn yet net
fen him bispritsen sonnetten „Nij Libben”—den is dit in _krasse,
opsettelike draeijerij_, sadet myn gearfettings mei gloarje ek dizze
oanfal úthâlden hawwe en mei nocht de tredde ôfwachtsje.

Hwent de hear Hof, faeks eangjend det it my maklik falle mocht, de
earste oanfallen ôf to wizen, ûndernimt twisken ’e bidriuwen troch yet
in trêdde troch de fordildich-harkjende lêzerskloft fen Hepkema to
freegjen, hwet men wol fen sokke kritiken—wer binammen fen sokke
gearfettings—tinke moat, as oer syn wirk yn ’e Ljouwerter stien hawwe,
as men fornimt, det de skriuwer dêrfen mar njoggentjin jier is en (dit
is binammen, hwet my tsjinstiet) in jongbaeske, twisken de gymnasiale
en de ûntgrieningstiid yn?

Hark ris, Janneman! Hwet moat men tinke fen de ljeafde for ienfald, dêr
’t Jou rymstikken sa heech by opjowe, as it teltsje wierheit bifette,
det Jou wente ynrochte is mei sok in oeribele oerfloed fen divans en
draperieën, det it for in goê Fries is om der oars fen to wirden, to
mear om ’t Jiffer Hof aerdich sûr sjocht, as immen it bistiet mei syn
skoen oan, in kuijer yn hjar pronkkeamer to ûndernimmen? Ho to
oardieljen oer Jou fieling for Frysk, as de hjir forneamde Hof-anekdote
wier hjitte moat, det by it berne wirden fen Jou dochter in adfortinsje
yn it Nijsblêd priele fen „Berne Bernarda”, howol hjar beppe jimmer op
syn goê-frysk Bearendtsje neamd waerd?

Ik koe de forlieding net wjerstean, Jo hjir mei deselde falske munt to
biteljen, mar moat der ynlike klam oplizze, det sokke
heislik-persoanlike strideraezjes, as wy inkeld to genietsjen krigen yn
’e dagen fen „Fij Lútsen!” en „Hark ris, Piter!” yn ús skriftenkennisse
_fen Jo_ wer ynfierd binne, det ik allinnich om my to fordigenjen, soks
neifolgje, mar, sa gau Jy ynsjogge, det sok in wize fen bistokeljen ta
neat laet, ek gjin ien mear meidiele scil fen ’e forskate
Hof-anekdotes, dêr ’t nei it forskinen fen myn artikels yn ’e
Ljouwerter, langer eltsenien mei oantôgjen komt.

_De wearde fen myn gearfettings, hwerfen in sakelike bistriding jimmer
bliid fen my forwolkomme wirde scil, hat dos net fen gjin inkelde
oanfal to lijen hawn, sadet dêrmei de grounslach lein bliuwt for in
oprjochte, djip-geande, howol faek hwet strange, en it Frysk
heechhâldende krityk; de antikrityk fen Hof lykwol wier „ûnwirdich” oan
de dichter Geart Jans Fenema._


En nou ’t wy den safier kommen binne, det Jy wol twongen waerden mei to
stimmen, det myn ûnginstich oardiel oer Jou wirk net meidield is ûnder
ynfloed fen persoanlik skeel, mar om ’t ik dêrmei miende it bilang fen
ús tael to tsjinjen, achte hear Hof, bisiikje nou yn my net langer
immen to sjên, dy ’t longerjend by Jo socht nei in heap
minderweardichs, om dêr it greate sensaesje-publyk op to ûntheljen, mar
in jongfeint, dy ’t stiet yet oan de poarte fen syn libben, en dat
jerne biwarje woe moai en suver en ryk.

Sjoch, it wier in mistreastige hjerst-middei en de loften skriemden en
huzen en beammen stienen bitrienne; ik hie my los makke fen in frjeon,
oan hwa ’t ik hiel myn siele tabitroud hie en dy ’t my alles ôfferge
sûnder my sels hwet to jaen—do bisleat ik my tsjin myn sear to
forsetten troch my wer to wijen oan ’e tsjinst fen ús tael, en in
opstel fen weardearringe to skriuwen oer Jou wirk, hweryn ik, op gesach
fen oaren, tocht det in krêftich dichter spriek. En ik lies, wer for ’t
earst nei lange tiden, de oerstjûre fersen fen ’e Klankboarne, en lies
de „Omstikken en Sydstikken” mei de faeks-goedmiende, mar oerstallige
„Drankjes,” wylst „Is der in fryske tael,” dat ik oant do ta biskôge as
in Jo ûnweardich bisiikjen om hwet krom wier, rjocht to praten, my mar
al to goed bikend west hie—en it barde dy middeis, det myn tsjinsin
ûntstie en him heal ta hate ûntjoech, det ik oersloech yn in oar
uterste, en der gjin praet mear fen hearre mocht, det der in dichter yn
Jo libje scoe.

En soks moeit my nou, al wier it my to forjaen, as men foar eagen
hâldt, ho komselden him de dichter-yn-jo utere hie. Efkes kaem ik ta
ynkear by it lêzen fen dy suvere rigels: „En dy ’t my lok-lokkich makke
en bliid, Do ’t libben my ta lijen waerd” en krêftiger haw ik it
oankommen field, do ’t ik it earste sonnet fen „Ny Libben” neigyng, it
bigoun my slim to hinderjen do ’t Jou ûnderbistjûrder, Bokke Simens,
nei oanlieding fen myn opstellen by my rinnen kaem, en mear as ienris
sei „Ik bin it wol mei Jo iens, mar dochs wit er wol fen eigen
ûnderfining, hwet dichterlike oandwaning is,” mar wissichheit is it net
wirden ear ’t ik oan ’e weet kaem, det „Myn taflecht” fen Jo skreaun
wier. En ynlik hoopje ik, det Jy my net ûntstride scille, det ik jimmer
oanfallen dien haw, op hwet ik neame wol de Jan fen ’e Gaestmar yn Jo,
de man fen ûnsuverens en ûnwierens, dy ’t Jy neffens myn bitinken fiers
to folle frij jown hawwe, mar de dichter Geart Jans Fenema nea net to
nei kommen bin.

En as ik nou siz „Woloan, it plak fen ’e lêste is njonken, net jinoer
ús,” den mien ik dêrmei hielendal net, det, as Jy nei ús ta komme
wolle, soks inkeld barre kin trochdet ek Jy de Jan-fen-’e
Gaestmar-periode biskôgje as minderweardich en mei ynstimming myn
gearfettings oernimme, hwent mocht dat Jo to biswierlik wêze, tink den
oer de tiid do ’t Jan fen ’e Gaestmar him sa jamk utere, as oer dagen
det Geart Jans Fenema him mids folle striid al mear en mear ûntjoech.
En mochten Jy wegerje, neist ús plak to kiezen—hwet my sikerwier sear
dwaen scoe—om hwet ik sei oer ’e wize, hwerop Jy it Ljouwerter Nijsblêd
bistjûre en oer it gehalte fen dat blêd sels, den bin ik ré dat alles
fen stikje ta bytsje werom to nimmen, net om ’t ik oertsjûge bin, det
ik it net by ’t rjochte ein hie, mar om ’t _ik winskje ta
oerienstimming to kommen_.

Jo oansiikje om diel to foarmjen fen ús jonge biweging, hweryn faeks
âldere minsken hjar net thús fiele scoenen, en dy ’t dochs jimmer
alhiel selsstânnich hjar gong gean scil, wol ik net, om ’t dêrmei in
ûnsuvere tastân berne wirde koe, mar de selde rie-jaende stimme oer
taelstriid-saken, dy’t de hearen Sytstra en Sipma takend waerd, wolle
wy ek Jo jaen, sadré de Jan fen ’e Gaestmar plak makke hat for de Geart
Jans Fenema.

Achte hear Hof, litte wy mei eltsoar wirkje om it safier to bringen,
det ienris de skiednisskriuwer fen Fryslâns skriftenkennisse seit:

„Fortuten brocht it jier 1916, hwent yn in nij orgaen ûntjoech him in
bitsjuttend tal jonge fryske skriuwers en ek for Hof, dy ’t him as Jan
fen ’e Gaestmar ûnder folle striid ûntwikkele hie, briek nou de dei
oan, lyk as er sels ynsjoen hawwe moat mei it oannimmen fen syn nije
skriuwersnamme Geart Jans Fenema.”


_Einoanteikening_. Mei it iepenbier meitsjen fen ’e
Sljucht-en-Rjucht-dokuminten dy ’t ik ûnthiet to jaen, bin ik fen doel
to wachtsjen oant „Fryslân” en dat krantsje as konkurrinten foar
eltsoar steane. Myn tank oan allegearre, dy ’t ús biwiis fen meifielen
yn ús streevjen stjûrden.




*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK DE JONGFRYSKE BIWEGING ***


    

Updated editions will replace the previous one—the old editions will
be renamed.

Creating the works from print editions not protected by U.S. copyright
law means that no one owns a United States copyright in these works,
so the Foundation (and you!) can copy and distribute it in the United
States without permission and without paying copyright
royalties. Special rules, set forth in the General Terms of Use part
of this license, apply to copying and distributing Project
Gutenberg™ electronic works to protect the PROJECT GUTENBERG™
concept and trademark. Project Gutenberg is a registered trademark,
and may not be used if you charge for an eBook, except by following
the terms of the trademark license, including paying royalties for use
of the Project Gutenberg trademark. If you do not charge anything for
copies of this eBook, complying with the trademark license is very
easy. You may use this eBook for nearly any purpose such as creation
of derivative works, reports, performances and research. Project
Gutenberg eBooks may be modified and printed and given away—you may
do practically ANYTHING in the United States with eBooks not protected
by U.S. copyright law. Redistribution is subject to the trademark
license, especially commercial redistribution.


START: FULL LICENSE

THE FULL PROJECT GUTENBERG LICENSE

PLEASE READ THIS BEFORE YOU DISTRIBUTE OR USE THIS WORK

To protect the Project Gutenberg™ mission of promoting the free
distribution of electronic works, by using or distributing this work
(or any other work associated in any way with the phrase “Project
Gutenberg”), you agree to comply with all the terms of the Full
Project Gutenberg™ License available with this file or online at
www.gutenberg.org/license.

Section 1. General Terms of Use and Redistributing Project Gutenberg™
electronic works

1.A. By reading or using any part of this Project Gutenberg™
electronic work, you indicate that you have read, understand, agree to
and accept all the terms of this license and intellectual property
(trademark/copyright) agreement. If you do not agree to abide by all
the terms of this agreement, you must cease using and return or
destroy all copies of Project Gutenberg™ electronic works in your
possession. If you paid a fee for obtaining a copy of or access to a
Project Gutenberg™ electronic work and you do not agree to be bound
by the terms of this agreement, you may obtain a refund from the person
or entity to whom you paid the fee as set forth in paragraph 1.E.8.

1.B. “Project Gutenberg” is a registered trademark. It may only be
used on or associated in any way with an electronic work by people who
agree to be bound by the terms of this agreement. There are a few
things that you can do with most Project Gutenberg™ electronic works
even without complying with the full terms of this agreement. See
paragraph 1.C below. There are a lot of things you can do with Project
Gutenberg™ electronic works if you follow the terms of this
agreement and help preserve free future access to Project Gutenberg™
electronic works. See paragraph 1.E below.

1.C. The Project Gutenberg Literary Archive Foundation (“the
Foundation” or PGLAF), owns a compilation copyright in the collection
of Project Gutenberg™ electronic works. Nearly all the individual
works in the collection are in the public domain in the United
States. If an individual work is unprotected by copyright law in the
United States and you are located in the United States, we do not
claim a right to prevent you from copying, distributing, performing,
displaying or creating derivative works based on the work as long as
all references to Project Gutenberg are removed. Of course, we hope
that you will support the Project Gutenberg™ mission of promoting
free access to electronic works by freely sharing Project Gutenberg™
works in compliance with the terms of this agreement for keeping the
Project Gutenberg™ name associated with the work. You can easily
comply with the terms of this agreement by keeping this work in the
same format with its attached full Project Gutenberg™ License when
you share it without charge with others.

1.D. The copyright laws of the place where you are located also govern
what you can do with this work. Copyright laws in most countries are
in a constant state of change. If you are outside the United States,
check the laws of your country in addition to the terms of this
agreement before downloading, copying, displaying, performing,
distributing or creating derivative works based on this work or any
other Project Gutenberg™ work. The Foundation makes no
representations concerning the copyright status of any work in any
country other than the United States.

1.E. Unless you have removed all references to Project Gutenberg:

1.E.1. The following sentence, with active links to, or other
immediate access to, the full Project Gutenberg™ License must appear
prominently whenever any copy of a Project Gutenberg™ work (any work
on which the phrase “Project Gutenberg” appears, or with which the
phrase “Project Gutenberg” is associated) is accessed, displayed,
performed, viewed, copied or distributed:

    This eBook is for the use of anyone anywhere in the United States and most
    other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
    whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
    of the Project Gutenberg License included with this eBook or online
    at www.gutenberg.org. If you
    are not located in the United States, you will have to check the laws
    of the country where you are located before using this eBook.
  
1.E.2. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is
derived from texts not protected by U.S. copyright law (does not
contain a notice indicating that it is posted with permission of the
copyright holder), the work can be copied and distributed to anyone in
the United States without paying any fees or charges. If you are
redistributing or providing access to a work with the phrase “Project
Gutenberg” associated with or appearing on the work, you must comply
either with the requirements of paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 or
obtain permission for the use of the work and the Project Gutenberg™
trademark as set forth in paragraphs 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.3. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is posted
with the permission of the copyright holder, your use and distribution
must comply with both paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 and any
additional terms imposed by the copyright holder. Additional terms
will be linked to the Project Gutenberg™ License for all works
posted with the permission of the copyright holder found at the
beginning of this work.

1.E.4. Do not unlink or detach or remove the full Project Gutenberg™
License terms from this work, or any files containing a part of this
work or any other work associated with Project Gutenberg™.

1.E.5. Do not copy, display, perform, distribute or redistribute this
electronic work, or any part of this electronic work, without
prominently displaying the sentence set forth in paragraph 1.E.1 with
active links or immediate access to the full terms of the Project
Gutenberg™ License.

1.E.6. You may convert to and distribute this work in any binary,
compressed, marked up, nonproprietary or proprietary form, including
any word processing or hypertext form. However, if you provide access
to or distribute copies of a Project Gutenberg™ work in a format
other than “Plain Vanilla ASCII” or other format used in the official
version posted on the official Project Gutenberg™ website
(www.gutenberg.org), you must, at no additional cost, fee or expense
to the user, provide a copy, a means of exporting a copy, or a means
of obtaining a copy upon request, of the work in its original “Plain
Vanilla ASCII” or other form. Any alternate format must include the
full Project Gutenberg™ License as specified in paragraph 1.E.1.

1.E.7. Do not charge a fee for access to, viewing, displaying,
performing, copying or distributing any Project Gutenberg™ works
unless you comply with paragraph 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.8. You may charge a reasonable fee for copies of or providing
access to or distributing Project Gutenberg™ electronic works
provided that:

    • You pay a royalty fee of 20% of the gross profits you derive from
        the use of Project Gutenberg™ works calculated using the method
        you already use to calculate your applicable taxes. The fee is owed
        to the owner of the Project Gutenberg™ trademark, but he has
        agreed to donate royalties under this paragraph to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation. Royalty payments must be paid
        within 60 days following each date on which you prepare (or are
        legally required to prepare) your periodic tax returns. Royalty
        payments should be clearly marked as such and sent to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation at the address specified in
        Section 4, “Information about donations to the Project Gutenberg
        Literary Archive Foundation.”
    
    • You provide a full refund of any money paid by a user who notifies
        you in writing (or by e-mail) within 30 days of receipt that s/he
        does not agree to the terms of the full Project Gutenberg™
        License. You must require such a user to return or destroy all
        copies of the works possessed in a physical medium and discontinue
        all use of and all access to other copies of Project Gutenberg™
        works.
    
    • You provide, in accordance with paragraph 1.F.3, a full refund of
        any money paid for a work or a replacement copy, if a defect in the
        electronic work is discovered and reported to you within 90 days of
        receipt of the work.
    
    • You comply with all other terms of this agreement for free
        distribution of Project Gutenberg™ works.
    

1.E.9. If you wish to charge a fee or distribute a Project
Gutenberg™ electronic work or group of works on different terms than
are set forth in this agreement, you must obtain permission in writing
from the Project Gutenberg Literary Archive Foundation, the manager of
the Project Gutenberg™ trademark. Contact the Foundation as set
forth in Section 3 below.

1.F.

1.F.1. Project Gutenberg volunteers and employees expend considerable
effort to identify, do copyright research on, transcribe and proofread
works not protected by U.S. copyright law in creating the Project
Gutenberg™ collection. Despite these efforts, Project Gutenberg™
electronic works, and the medium on which they may be stored, may
contain “Defects,” such as, but not limited to, incomplete, inaccurate
or corrupt data, transcription errors, a copyright or other
intellectual property infringement, a defective or damaged disk or
other medium, a computer virus, or computer codes that damage or
cannot be read by your equipment.

1.F.2. LIMITED WARRANTY, DISCLAIMER OF DAMAGES - Except for the “Right
of Replacement or Refund” described in paragraph 1.F.3, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation, the owner of the Project
Gutenberg™ trademark, and any other party distributing a Project
Gutenberg™ electronic work under this agreement, disclaim all
liability to you for damages, costs and expenses, including legal
fees. YOU AGREE THAT YOU HAVE NO REMEDIES FOR NEGLIGENCE, STRICT
LIABILITY, BREACH OF WARRANTY OR BREACH OF CONTRACT EXCEPT THOSE
PROVIDED IN PARAGRAPH 1.F.3. YOU AGREE THAT THE FOUNDATION, THE
TRADEMARK OWNER, AND ANY DISTRIBUTOR UNDER THIS AGREEMENT WILL NOT BE
LIABLE TO YOU FOR ACTUAL, DIRECT, INDIRECT, CONSEQUENTIAL, PUNITIVE OR
INCIDENTAL DAMAGES EVEN IF YOU GIVE NOTICE OF THE POSSIBILITY OF SUCH
DAMAGE.

1.F.3. LIMITED RIGHT OF REPLACEMENT OR REFUND - If you discover a
defect in this electronic work within 90 days of receiving it, you can
receive a refund of the money (if any) you paid for it by sending a
written explanation to the person you received the work from. If you
received the work on a physical medium, you must return the medium
with your written explanation. The person or entity that provided you
with the defective work may elect to provide a replacement copy in
lieu of a refund. If you received the work electronically, the person
or entity providing it to you may choose to give you a second
opportunity to receive the work electronically in lieu of a refund. If
the second copy is also defective, you may demand a refund in writing
without further opportunities to fix the problem.

1.F.4. Except for the limited right of replacement or refund set forth
in paragraph 1.F.3, this work is provided to you ‘AS-IS’, WITH NO
OTHER WARRANTIES OF ANY KIND, EXPRESS OR IMPLIED, INCLUDING BUT NOT
LIMITED TO WARRANTIES OF MERCHANTABILITY OR FITNESS FOR ANY PURPOSE.

1.F.5. Some states do not allow disclaimers of certain implied
warranties or the exclusion or limitation of certain types of
damages. If any disclaimer or limitation set forth in this agreement
violates the law of the state applicable to this agreement, the
agreement shall be interpreted to make the maximum disclaimer or
limitation permitted by the applicable state law. The invalidity or
unenforceability of any provision of this agreement shall not void the
remaining provisions.

1.F.6. INDEMNITY - You agree to indemnify and hold the Foundation, the
trademark owner, any agent or employee of the Foundation, anyone
providing copies of Project Gutenberg™ electronic works in
accordance with this agreement, and any volunteers associated with the
production, promotion and distribution of Project Gutenberg™
electronic works, harmless from all liability, costs and expenses,
including legal fees, that arise directly or indirectly from any of
the following which you do or cause to occur: (a) distribution of this
or any Project Gutenberg™ work, (b) alteration, modification, or
additions or deletions to any Project Gutenberg™ work, and (c) any
Defect you cause.

Section 2. Information about the Mission of Project Gutenberg™

Project Gutenberg™ is synonymous with the free distribution of
electronic works in formats readable by the widest variety of
computers including obsolete, old, middle-aged and new computers. It
exists because of the efforts of hundreds of volunteers and donations
from people in all walks of life.

Volunteers and financial support to provide volunteers with the
assistance they need are critical to reaching Project Gutenberg™’s
goals and ensuring that the Project Gutenberg™ collection will
remain freely available for generations to come. In 2001, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation was created to provide a secure
and permanent future for Project Gutenberg™ and future
generations. To learn more about the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation and how your efforts and donations can help, see
Sections 3 and 4 and the Foundation information page at www.gutenberg.org.

Section 3. Information about the Project Gutenberg Literary Archive Foundation

The Project Gutenberg Literary Archive Foundation is a non-profit
501(c)(3) educational corporation organized under the laws of the
state of Mississippi and granted tax exempt status by the Internal
Revenue Service. The Foundation’s EIN or federal tax identification
number is 64-6221541. Contributions to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation are tax deductible to the full extent permitted by
U.S. federal laws and your state’s laws.

The Foundation’s business office is located at 809 North 1500 West,
Salt Lake City, UT 84116, (801) 596-1887. Email contact links and up
to date contact information can be found at the Foundation’s website
and official page at www.gutenberg.org/contact

Section 4. Information about Donations to the Project Gutenberg
Literary Archive Foundation

Project Gutenberg™ depends upon and cannot survive without widespread
public support and donations to carry out its mission of
increasing the number of public domain and licensed works that can be
freely distributed in machine-readable form accessible by the widest
array of equipment including outdated equipment. Many small donations
($1 to $5,000) are particularly important to maintaining tax exempt
status with the IRS.

The Foundation is committed to complying with the laws regulating
charities and charitable donations in all 50 states of the United
States. Compliance requirements are not uniform and it takes a
considerable effort, much paperwork and many fees to meet and keep up
with these requirements. We do not solicit donations in locations
where we have not received written confirmation of compliance. To SEND
DONATIONS or determine the status of compliance for any particular state
visit www.gutenberg.org/donate.

While we cannot and do not solicit contributions from states where we
have not met the solicitation requirements, we know of no prohibition
against accepting unsolicited donations from donors in such states who
approach us with offers to donate.

International donations are gratefully accepted, but we cannot make
any statements concerning tax treatment of donations received from
outside the United States. U.S. laws alone swamp our small staff.

Please check the Project Gutenberg web pages for current donation
methods and addresses. Donations are accepted in a number of other
ways including checks, online payments and credit card donations. To
donate, please visit: www.gutenberg.org/donate.

Section 5. General Information About Project Gutenberg™ electronic works

Professor Michael S. Hart was the originator of the Project
Gutenberg™ concept of a library of electronic works that could be
freely shared with anyone. For forty years, he produced and
distributed Project Gutenberg™ eBooks with only a loose network of
volunteer support.

Project Gutenberg™ eBooks are often created from several printed
editions, all of which are confirmed as not protected by copyright in
the U.S. unless a copyright notice is included. Thus, we do not
necessarily keep eBooks in compliance with any particular paper
edition.

Most people start at our website which has the main PG search
facility: www.gutenberg.org.

This website includes information about Project Gutenberg™,
including how to make donations to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation, how to help produce our new eBooks, and how to
subscribe to our email newsletter to hear about new eBooks.