It Jubeljier : (1793-1813)

By Simke Kloosterman

The Project Gutenberg eBook of It Jubeljier
    
This ebook is for the use of anyone anywhere in the United States and
most other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
of the Project Gutenberg License included with this ebook or online
at www.gutenberg.org. If you are not located in the United States,
you will have to check the laws of the country where you are located
before using this eBook.

Title: It Jubeljier
        (1793-1813)

Author: Simke Kloosterman

Release date: June 3, 2024 [eBook #73762]

Language: Frisian

Original publication: Groningen: Broerren Hoitsema, 1927


*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK IT JUBELJIER ***

[Illustration]




It Jubeljier

(1793–1813)

fen Simke Kloosterman




Ynhâld

 I.
 II.
 III.
 IV.
 V.
 VI.
 VII.
 VIII.
 IX.
 X.
 XI.
 XII.
 XIII.
 XIV.
 XV.
 XVI.
 OANTEIKENINGEN




I.


Freark-om stie der foar as in âld hiemdogge, dy-t frjemd folk rûkt
ûnder de wyn. It bird-barnderke gleon oan, de hânnen yn ’e broeksbûsen
en ’t wiet wosken hier mei brede streken ûnder ’e pet wei. Sa stie ’r
der op ’e wâl en wachte. ’t Skip skjin lading yn.... nou noch in
koeltsje, det der sa oantripkjen komt op jongfammefoetten, det hearde
by sa’n dei, sa’n feestdei! Dy hie ’r mar ienris yn ’t jier, de 3de
Woansdei’s fen Juny.

Den rinteniere hy sels en wie de baes oer in stik ef hwet bêste
feinten, dy-t net in amerij omloaiken, moarnsier al bigoanen en jouns
let noch sjongende wei op Ljouwert oanstevenen. Jonge, jonge, trewis
wie’t, soune en skande, mar ienris yn ’t jier! Ien ding, der seach ’r
altyd raer tsjin oan, det Sneinshabyt. Hy siet der yn as in moethoun yn
’t fel, der wie gjin spaesje. Hjir knypte ’t, der knypte ’t en sims
krêke it ûnder ’e earm, alderearmoedigst. Mar Pytsje-moi hjar izerjern
wie sterk.... it hâldde de rukken fen syn brede rêch en ’e koarte earms
wol út en hy wie altyd hiel en knap wer thús kaem. Mar dagen wierne ’t!

Nou stie ’r hjir op ’t Fliet en wachte. De sinne wie al lang op, it
wynwizerke op ’e Túnsterpoarte flikkere, krekt as wie ’t kleare bare
goud. Der hinge in tinne dize oer ’e sted, der waeiden fen dy ljochte
skaden om, det mocht ’r wol, det joech in sinneskyn dei. Hy seach de
Flietster feart ris út, der leine se alle trije kreas efter inoar, de
plesierskipkes, der hy strak ansens mei op reis scoe, ’t wiid Wetterlân
derjinsen yn, der de toppen hea fen hjir en der yn ’e feart omdreauwen
en ’e ielreagers yn ’e bolwirksbeammen nesselen.

De sinne makke hjar nou stadich út ’e dauwe los, derjinsen yn it lege
lân, krekt as sloech in greate goudene flinter triljende syn wjukken út
inoar. Hwet moarnswolkens skûmmen bleekread foar hjar op.... it blau
fen ’e loft wie heech en simmersk.

De wyn waerde efkes stil.... do stiek der in moaije rûzjende
moarnskoelte op, de Súd-Easter, de soele simmeraeijer. Hy kaem fol geur
fen ’e blommelânnen en ’e hôven, hy hie de brede golle hânswaei fen in
rynske jower, dy-t bliid jaen scil by ’t hânfol.

De dei groeide.... fol ljocht groeide ’r oer ’e lytse sted as in
breedskade sinnebeam yn in bisletten tún. De melkers kamen werom, hjar
earnamers swaeiden wûnder skitterjend yn ’e fierte hinne en wer en in
kwierich jong fanke, in poarperen koekkoeksblom by ’t jak yn, lake hjar
wille yn ’e jonge moarn, fol jeugd as hja.

De katrollen fen ’e lynbaen bigoanen to snûrjen en ’e hege lûden fen ’e
jonges kraeiden hoarich tsjin ’e oanwinnende lûden fen ’e stêd. Heech
op ’t bolwirk, der kruiden se de mounle en dy draeide stadich, sûnder
wynbûrden. Fyntsjes wei fielde ’r de wyn sjongende op him ta kommen, ho
heinde ’r him nou as in tûken ien mei syn brede wjukken!

De Nijetoer spile healwei-seizen, ’t ljocht roan nou op jonge foetten
boartlik oer ’e hiele sted; de bolwirksbeammen bigoanen lûder to
sykheljen en in fink fluite efter in hege túnmûrre. In pear ondôgense
jonges glûpten om in hoeke wei, Freark-om seach se en brimde. Hja
gyngen skûl yn in steech en wierne der ek ynienen wer, do-t der in
setsje letter in greate koets oanrôljen kaem, stadich yn ’t weinspoar
lâns. De pottebakker syn reade dôfpotten en testen rekken hast yn ’e
ferdrukking.... mar ’t gyng noch sûnder kantroeren en do op Freark-om
ta. Dy stie al lang yn ’e posysje, it pypke wie foart, de pet yn ’e
broeksbûs en ’t sarsjes baitsje krêke al wer warskôgjend yn ’e naden.

Krekt as saeide it moarnslibben nou ynienen al syn skelle lûden oer it
smelle strietsje. Weinen rattelen, skippers skreauwden, lûken waerden
opdien, min hearde it striken fen skoatels en it delfallen fen ketlings
en in inkelde betide rintenier stiek earst syn lange pipe en do syn
holle, de sliepmûts noch op ’t iene ear, oer de ûnderdoar en fen niget
waerden syn eagen roun en rekke de piip yn ’e hân.

’t Wie nin wûnder. Honear seach ’t Flietster paed sa ’n staesje, as dy
’t der nou oankaem yn ’e koets ef heech op syn appelige skimmel, s’as
Ryklef Ripperda, de fynlekkense rôk fen jagersgrien oer en oer binaeid
mei goud en greate goudene spoaren oan ’e learzens!

Do-t de koets foar Japik hellingbaes syn hûs wie, bleau hja stean. Der
koe se noch swaeije—de smelle wei kromp hjir yn ta in foetpaed, det by
’t Fliet lâns roan en by de skûtmakkers bûrren Skilkampen syn ein foun.

Peter stie noch op syn forheven útkyk, it hearsfeinteplankje efter oan
’e koets, nou liet ’r de swiere hâldfêsten mei kwasten los en efkes
letter flapte it trapke fen ’e hege koets del en ’e earste ynsitter
wrong der him út. ’t Foel danich ôf, in jierrich man wie ’t, alles
swart, de heech tichtknope jas, de swartsidene doek en ’e greate
mantel, dy-t him oer ’e earm hinge. It oansjen net wirdich, tocht it
nijsgjirrige folk, det fen fjirrens stie, swijgsum, sa ’s it de mindere
man past by de heechheit, as dy inoar komselden ris moete.

Mei ien eachopslach markbite de man yn ’t swart Ripperda, heech as in
held op syn skimmel en efter him in lyts fjouwertsjellich weintsje, det
mei hasten de poartbrêge ôfroljen kaem. Sidene linten flodderen en ’e
grille blommen fen ’e omslagdoeken liken wol sa giel en bûnt yn ’t
sinneskyn waer.

De man yn ’t swart lake fyntsjes en tilde syn lyts wyfke út ’e wein.
Min seach neat oars as in donkerbrúne sjael en in brúnstriëen kypske,
sa lyts wie se, syn Nelle. Mei in eptigens, dy-t by syn hiele postuer
en habyt paste, holp ’r do mefrou Hopperus ta de koets út en einliks de
lytse wyldsang Sibbel, jong-great fanke fen fyftsjin jier, det hjoed
for ’t earst ris mei scoe ûnder de hoede fen omke en moike. In wolken
wyt gaes skûmme út it petier, ien sprongkje en eart minhear fen Rhé fen
syn skrik bikaem wie, stie syn nift al op de groun en foel de wite
wolken sedich del oer hjar hoepen yn in mennichte fen stroken en
riûwsels, der it hiele linige, leidige lichemke yn weiskûle as in
roazeknop yn syn bled.

In winkje mei de hân.... de hynsders setten ta, de swiere riemmen
krêken, de koets swaeide. Peter kleau wer op de kattebank, Hindrik
klapte mei de swipe en al ringen seach min neat oars mear as it stive
wite prûkflechtsje fen Peter en syn heech steekje mei fjûrread.

Freark-om en syn folk, fjouwer fleurige jonge bizen, de hollen ek al
stiif fol foarplesier, holpen de dames oer ’e planke. Smel en meager
folge de man yn ’t swart en makke him lyts twisken al dy wide
hoepelrokken, dy-t allinne it paed rûm ha moasten en do-t ’r se
allegear to stoel en to bank hie en Freark-om lêst jown, om noch to
wachtsjen, gyng ’r wer oan wâl.

Krekt hâldde der it lytse fleurige weintsje, lyk foar syn foetten. It
antlit fen minhear fen Rhé kaem net faken út ’e ploai.... hy biwarre in
distânzje for elkmis, mar nou krolde in fyn, geestich glimke al wer syn
lippen en yn syn eagen sparkele it hiel efkes ek mar, o sa gútich!
Hwent o! det weintsje, syn tsjellen wierne giel en syn bakje wie grien
en fjouwer fen ’e moaijste Ljouwter fammen sieten erop mei eachjes sa
helder en mûltsjes sa read en kypsen sa heech en sjalen sa bûnt, det
minhear fen Rhé syn bitûmmele sinnen makken noch efkes in sprongkje en
hy waerde wer jong.... o sa jong....

De ruter wie al fen ’t hynsder ôf en kaem der hastich oanrinnen mei
rinkeljende spoaren. Hwet hearde ’r by dy kleurichheit, dy jeugd! Ho
droech ’r syn kostbere uniform fen ritmaster by ’t Prinsepeertefolk mei
graesje! Ho blonken de jewielene stiennen yn syn jasknopen en ’e greate
robyn oan syn pink! In kening wie ’r, sa ’s ’r der nou stie, de steek
ûnder de earm en de wyn troch syn brune krollen waeije en ’e sinne op
syn moai manlik antlit skine liet, skerp teikene fen swiere, donkere
eachsbrauwen en in flau-bochte, fine noas. Min koe ’t him oansjen, dy
klaeijing hearde by him, dy droech ’r al den dei mei diselde swier, it
herte sûnder soarch, de pong fol.

Ho-t ’r bûgde foar de dames, heech op ’t weintsje! En hy holp s’er
allegear ôf, hiel foarsichtich, krekt as wierne it glespesleinene
popkes yn syn sterke earms en mei in brede swaei waerden se optild oer
’e smoarge radden en op ’e groun set. Efkes hâldde ’r se mar.... en al
dy moaije eagen tanken him mei loaitsen, fewielich lokjend ta jerne
mear. Allinne ien, dy wachte net, as ’r ek komme scoe en hjar oankrije.
Yn in omsjoch stie se op ’t foarbankje en saeide do as in fearke op ’e
groun.

Ryklef Ripperda markbite it, it bloed fleach him nei de holle, do
waerde ’r wer baes oer himsels en in amerijke letter bigroete ’r hjar
hiel earbidich en koel, mar ûnder ’t brune fel waerde ’r dochs wer
read, do-t hja de eagen nei him opsloech, dy eagen, der ’r nachts
dichten op makke en dy-t ’r deis altyd sa dúdlik foar him seach, as
wierne se syn eindom. Anne Hopperus, o dy namme! Him to flústerjen wie
de muzyk fen syn dagen en ’t geniet fen syn nachten! Yn syn alderdolste
fytmannerijen stie ’r mei flamjende letters foar de doar nei ’t
forbeane en biwarre him for ’t deryn-gean—diich ’r hwet goeds nei de
ynjowing fen syn licht-fielich hert, den seach ’r hjar foar him, rein
en sêft as syn lytse goede ingel.

De hiele dei wie him nou al hast forjown.... hy scoe wol foartgean
wolle en rinne ûren fier, om mar neat mear fen hjar ljeaflikens to
hearren ef to sjen, sa tichteby en dochs sa eineleas ûnbirikber fier
fen him ôf!

Mar winne scoe se it dochs net.... der lytse ynfierene ding! Wie se him
al net heal en heal tasein? Hwet koe der ommers nou mear twisken
hjarren ynkringe?

De lêsten kamen der oansetten mei lange stappen, de soan fen minhear
fen Rhé, hiel bleek en hiel nijerwetsk mei syn lange tichtknope rôk en
’e halsdoek yn in wûndre apparte strûp, in ebbenhouten kistje mei de
dwarsfluite yn ’e hân en in ein efter him, hast op in drafke, âlde
bysitter Falentijn en syn soannen Jehannes en André. Hja hiene hast net
klear komme kind: de weverij!

Nou, minhear fen Rhé wist ’r alles fen, hy nikte en prate der minlik
oerhinne en noege se yn ’e twadde boat, syn eigen, hwer se krekt it
blanke seil op hysten, det it útstie as in swannewjuk yn ’e frisse wyn.

De touwen waerden los makke, it jagerke wipte mei in sprong op ’e
swarte fen minhear Falentijn, dy-t der for útornearre wie, om hjar ta
’t nauwe Fliet út en yn breed wetter to bringen en skattere in skel
deuntsje op syn hoarn en der gyng ’t hinne. ’t Hiele Fliet stie fol, dy
moaije optúchde boaten, dy dames yn ’t side, it wie sa hwet bisûnders,
det de iene forsocht de oare oan ’e foarstriette tojoune, om se
weromkommen to sjen. Mar ek in inkelde roan der wer ûnder, dy fielde
wrok yn syn hert.... hwerom koe hy der nou de hiele dei wer krûm stean
yn ’t wirk en sjogge de hege hearen hjar plesier en roere der sels mei
gjin finger oan...!

Der waerde in bulte bikûzzemûzze yn dy dagen yn ’e sûphúzen by de krûk
bier ef ’t healfearntsje, minhear fen Rhé wist ’r fen en bysitter
Falentijn ek wol, mar hja diene krekt, as rekke it hjarren net. As ’t
wêze moast, scoene se goed en bloed oer ha for hjar miening, de stream,
dy-t der nou ommoddere ûnder ’e effene deisflakte fen ’e maetskippij,
dy woene se net markbite en as der al ris in bretalen hond wie en dy
smiet minhear fen Rhé in skeldnamme nei de holle, dy-t raek wie, den
sei hy neat werom, naem allinne syn hoed ôf mei in: dei frjeon! mar
seach him oan mei sokke eagen, det de dryste biskamme ta de teannen út.

Hie hjar partij net wer de oerhân krige yn ’t regear? Hwer wierne de
oproerkraeijers bleauwn? Stoud as fearren wech-en-der-wear hinne. Hja
hiene se allegear wol mak krige, al spande it danich, tocht fen Rhé sa
ûnder it farren wei en syn hân hie al hwet trille, do-t ’r syn namme
sette moast ûnder it bannisement fen fen der Burg, de boargemaster fen
Bolswerd. It knypte den ek oan: nei ’t skafot foar ’t Blokhús to
Ljouwert, der waerde it swird him oer ’e holle hinne swaeid, as in
teiken, det hy wie einliks ta dead foroardiele en by de graesje
frijkaem mei tweintich jier forbanning út de provincie. En lytsmoedich
tocht ’r der om, hy hie einliks ris wer foargoed sykhelje doarst, do-t
’r wist, dy f. d. Burg hie de wyk spile nei Frankryk ta, it lân, der ’r
wol hússittend wirde scoe, hope ’r. Der de houn gisele is, heart ’r
ommers noch altyd wer de swipe klappen.

Det wie nou al wer in skoft forlyn, de stedhâlder wer yn eare en
oansjen, al hiene guont altyd noch in skalk each op him en it folk....
och, as it folk mar in haed hat, den bûgt it wol. Spot flikkere yn syn
koele grize eagen. It folk wól bimastere wirde. For tsjinders hiene de
fen Rhé’s noait doochd—sá wierne hja masters bleauwn. Ek troch him.
Ambten en forjowingen, nou der wierne se ek nea fij fen. ’t Joech noch
mear ynfloed en stibeleare de pong. As in wiidfortakke beam wreiden se
mei hiele lytse sûchwoarteltsjes yn alle stânnen, lieten hjar ynfloed
jilde yn alle hoeken fen ’e sted by heech en leech. Min mirk it sa
daegliks wei net sasear, mar langlêsten, do-t Popke oan in baentsje
holpen wirde moast, diich ’t dochs wer bliken.

De hiele femylje fen Rhé bisoude! skripte Ripperda der ek net om! Hie
trouplannen, waerde der gnute en elts wist, as de namme fen breid en
breugeman ôfkondige waerde yn tsjerke, den scoe it Anne Hopperus mei
Ryklef Ripperda wêze. Dy twa pásten, ornearre it folk. Fen Rhé gnyske
efkes, mar foartdaedlik siet syn antlit wer yn diselde minlike ploai,
dy-t ’r for alle gelegenheden klear hie. ’t Sette al hwet kwea bloed,
do ’t Ripperda it tsjin syn Popke sitte litte moast.... hja kamen inoar
yn gjin wiken byneist en as âlde Ripperda en hy inoar moeten yn ’t
gritenijhûs, koe ’t kwalik in knikje lije. It moide him, mar Popke hie
’t en salich is de bisitter. Dy-t sels op ’e stoel wol, moat in oar der
wol ris ôfsmite.

En syn Popke.... dy makke in man út, fen kennisse en wittenskip
bûtengewoan! Hwet leine der in brieven fen ’e Frentsjeter prefesters yn
syn casette! ho heech setten se him! It hie him aerdich koste, dy seis
jier der to Frentsjer, Popke wie rij en ho faek hie hy syn prefester
net hawn to jimmet-iten! En foaral dy iene.... altyd yn ’e jildkrapte
wie der en siet as in bloedsûger op syn pong en sûchde! sûchde! Ea nou,
in litting, der wirdt min soun fen en nou ’t Sibbel safolle ynbrochte,
koe ’t wol hwet lije for syn Popke. Hy brocht it noch fier, syn jonge.
Der koe in Ripperda net by yn ’t skaed stean, al wie syn adeldom ek sa
âld as Methusalem en hy de ljeafling fen hiele Ljouwert om syn gol,
fleurich wezen en syn goederjowskens. En minhear fen Rhé, abbekaet yn
den Hove fen Fryslân hie ’t wol nei ’t sin mei sa ’n foarútsicht foar
him, yn noflike rêst ûnder it wite tintsje fen ’e boat, mei de lange
piip oan, folstoppe fen Falentijn syn lekkere Jouwster hearebaei.

Tomûk seach ’r det ris oer nei Ripperda. Dy siet oan ’t roer fen ’e
twadde boat. Hy hie de steek noch ôf, de sinne skynde him op it tichte
brune hier en it fine, smelle antlit, ’t readforbarnde fen in
rutersman, altyd by tiden en ûntiden yn ’e wapens. Ien amerij ek mar.
gyngen do syn eagen de oare kant út, der it ljochte hier fen Anne ûnder
it roazekypske út skittere. Hja siet der sa froed en dimmen twisken
hjar mem yn en syn wiif as in suver sniene ealestien yn in donkere
rânne en it lykmoedige, kalme fen hjar wezen blonk sa nei yn hjar
sêfte, blauwe eagen, det it like him ta, as hie ’r hjar noch noait sa
moai sjoen as krekt hjoed yn hjar blomt neteldoeks jurkje en hjar
hoedtsje mei roazen. De lytse skouderkes skûlen ûnder in sniewite
omslagdoek en hy seach it mei niget, Popke kaem en sloech him hjar
tichter om.

Ljouwert waerde lyts, de wyn blies jong en foars yn ’e seilen.... hja
kamen yn ’t iepen fjild. Freark-om treau syn pypke yn ’e bûs, smiet it
buis út en naem it roer fen ien fen ’e feinten. Dy helle de riemmen en
fluite it jagerke, hy scoe de line mar sjitte litte en smite him yn ’e
boat. De boatsjes leine efkes stil.... min hearde de weachjes babbeljen
foar by de bûch en ’t seildoek fen ’t sinnetintsje flapperjen fen ’e
wyntwirren. Falentijn syn swarte waerde yn ’t lân jage en rôlle him,
det it hwet diich, it jagerke fleach skean-oer, oer hikken en sleatten
wer op Ljouwert ta, it pynstillingke fen minhear fen Rhé barnde him yn
’e bûs.

Mei in plof sprongen Freark-omme feinten yn ’e foarste boat en sa
riglemiettich as de weefspoellen troch de skearing sjitte koene yn
Falentijn syn weverij, sloegen hja nou de maet op ’e brede wetterrêch.
De boaten draeiden efkes—do wiisde it roer hjar ’t paed nei ’t Suden
ta, hwer de sinne al heech kaem, flakke wetters leine to blinken,
readpanne boerehúzen kipich ta de hege beammen útseagen en fier, hiel
fier yn ien einleasheit fen rêst loft fen wetter forfloeiden.

It waerde in waerme dei.... de wyn gyng súdliker.... djip Súd. De
sjalen rekken ôf.... ho mirk min it nou, det it stedske buis knipe koe!
Sibbel hjar mûltsje stie net stil, it gyng as de klep fen in winkeldoar
en mefrou fen Rhé seach al ris skean hjar kant út, der wie gjin gefaer,
it wie Popke mar. Sibbel siet fol dertenheit.... der moast in goed
partuer for socht wirde, in kalm, earnstich man. Ja, ja, fen Rhé hie
der him hwet mei oanhelle, krekt syn eigen bern great en kaem ’r der
net op in goede dei út ’e postwein mei Sibbel, in hantsjefol minske yn
in fellene mantel sa great en mei in kape sa swierich, det hja foel
hast om fen skrik. Hwa hie ea sa hwet bûtenwenstigs sjoen yn Ljouwert!
en noait! né noait wie der sa ’n ien by in fen Rhé oer ’e drompel kaem.
Mar hja bleau ’r, hja nessele ’r as in jong katsje yn ’t douns. En det
fen Rhé der alle fearnsjierren hûndert skoane gounen for barre koe,
diich de doar ticht. Popke koe der in hynsder fen hâlde en hja in
hearsfeint en ’t joech ek wer ynfloed yn oare plakken, sa ’n erfdochter
yn ’e hûs, hie hy giisgobjend sei en hy tocht om syn reis nei Grins
langlêsten....

Stadich geat se de kopkes fol kofje. De greate koperen tsjettel joech
mar op, der wierne ek sa folle, dy-t der slij nei wierne en de minger
yn ’e „stad fen Canton” hie dochs altyd mar wer it bêste fen kofje, thé
en saffraen. De sânkoekjes en ’e reammesoeskes smakken der skoan
by—selst de lûdroftige bizen yn ’e oare boaten waerden stil ûnder ’t
smûzjen wei.

„Hastû al hwet, Elske?” frege mefrou fen Rhé it blonde famke, det lyk
foar hjar oer siet en joech hjar in fol trompke.

„Dy smûzje der genôch yn ’t hoekje. Tink ljeaver om ús,” pleage minhear
fen Rhé. „Popke hat ek noch neat.”

„Och jonge, det ik dy forjitte koe!” en mem treau him hastich hwet ta.
In gnyske krolde Elske hjar moaije lippen. Bah! dy Popke, memme pop!
Roan noch efter mem oan as in great jonge en wie sa dimmen en froed,
det hiele Ljouwert stelde him ta foarbyld for alle wyldhierrige jonge
minsken! Mar hja stie him net.... hy wie hjar al to moai. Hja mocht syn
geisige wangen net en syn flaue eagen en den ’t hier, sa healwiis yn ’e
nekke útskeard! en den syn menear fen praten, sa skoalmasterich, krekt
as wie hja, Elske Baerdt in skoalfamke en ’t hoanneboek noch net iens
troch. En tweintich jier wie se al! Hwet miende ’r wol, dy snueshaen!
Wist se net like goed as hy, hwet ’r to keap wie yn ’e wrâld! Hie se
lêst simmers net nei Amsterdam ta west útfenhûs, hielendal allinne yn
’e postwein en do mei de Limmer beurtman oer ’e Sudersé! Hwa diich hjar
det nei? En hwet hie se allegear net sjoen? O dy droktme op ’e
striette! Dy moaije karossen! dy frjemde modes! dy gearsetten jouns yn
greate, ljochte sealen, fol steatlike jonkers, dy-t mei hjar
koartegearren en kostlik klaeide „dames”, dy-t spotgnyskjend oer hjar
hinnesjen doarsten en laken om „la petite provinciale”, dy-t net iens
wiste, ho-t Marie Antoinette it hier yn dwerse krollen draeide en it
antlit sierde mei twa lytse „mouches de beauté”, ien ûnder ’t
rjuchtereach, der hie se in groede en ien toside op ’t kin ûnder ’t
breatipke. Mar eart der trije dagen om wierne, hiene hjar dûkaten al
rinkele yn ’e greate sidewinkels en droech se in robe, couleur puce en
in greate Marlborough hoed mei sêft-fleiskleurde fearren en eart der
trije wike om wie, hiene al twa om hjar hantsje oanhâlden by omke en
moike, wakker op ’t snjit mei nifte Elske en hjar succes yn ’e wrâld
fen eptigens en biskaving. En eart der noch ris trije wike om wierne,
krige hja wer forlangst nei hûs. It moai sitsje foar ’t finsters op ’e
Nijested diich ’t him en ’t kuierke om ’t bolwirk en ’e Woansdeiskrans
mei hjar spylfammen, mar aldermeast de eagen fen Ryklef.... Sims waerde
it forlangst sá heftich, det se woe wol as in fûgel oer ’e sé fleane
nei hûs ta. En hja wist ommers.... hy wie forsei, Anne en hy boasken al
moi grif. It potuerde krekt.... Ripperda en Hopperus, dy nammen stiene
wol faker neist inoar yn ’t stamboek fen ’e fryske adel en al wie ’t de
Ripperda’s yn ’t lêst oan net sa fortúnlik gien, syn persoan, syn
femylje helle in bulte oer. Dy wie for him yn ’e widze lein, dy scoe hy
ienkear de gouden trouring oan ’e finger stekke en hiel foarsichtich
hjar lyts hantsje yn syn eigen greate lizze, sa seft, as in man ’t
allinne docht for ’t wiif, det him dierber is. Elske hjar eigen tinsen
diene hjar sear....  ho scoe ’t mei hjar komme, as se him net ris mear
as frij-man sjen mochte? Nou prate ’r mei hjar, hja dounsen, hja
gekjagen, syn ljeave lûd aeide altyd hjar earen en as hja simmers út to
riden gyngen, de Tsjerken om, den noege syn mem hjar en Anne yn ’e
karos en mende hy de fjouwer brunen as in kening. Troude ’r, alles
foarby.... der scoe in femylje komme.... hy yn ’e rie fen ’e sted, yn
’e sleur fen ’t deiske bidriûw en Anne scoe om en by him wêze, syn
ljeafde as in waerme gloed hjar hiele libben moai meitsje.

Ja, se hate Anne! Hwerom waerde it dy mar sa tasmiten, hwer hja hjar
hiele hert op sette! Hja fielde it wol, Ryklef syn eagen gyngen der
tomûk iderkear wer hinne, der hja siet en dreamerich stoarre yn ’e
fierte, sa ’s hja sa graech mochte. En nou Popke? streake dy ek al net
om hjar hinne? Fensels, it baentsje wie der, nou moast der noch in wiif
komme út in femylje fen ynfloed en den histen se him mei inoar mei
sterke rêchtriûwen by de maetskippelike ljerre op. Hja seach him al, de
sloppe rêch yn in willige bocht, eigenwiis op ’e kofte ginst, dy-t syn
persoan noch net jilde koe, mar de ynfloed fen syn sibskip, der elts yn
Ljouwert wol goed diich, mei to rekkenjen. Hja, Elske Baerdt ek.
Fleagen nou alle doarren, net wiid-waech for hjar op, nou-t mefrou fen
Rhé hjar oanhelle en Sibbel en hja in bult by inoar wierne? De bûgings
waerden djipper en guont, dy-t oars noait nei hjar taeld hiene, sieten
nou Sneins, as mem ûntfangdei hie, by hjarres om ’e roune tafel en
biwonderen hjar sang, as Sibbel op ’t clavecimbel spile en hja der de
nije Dútske sangen by song, dy-t se yn Amsterdam leard hie. Ja, de
frjeonskip fen ’e fen Rhé’s telde!

„Hwer mimerst dû oer, Els?” sa brocht hjar neistsitterke hjar wer by de
tiid. „Kom, fortel ris, hast ek wer ris in aerdige brief krige út
Amsterdam?” en in lyts swartkopke sloech hjar skitterjende eagen nei
Elske op, feardich, omtlein jongfaem, der in Gelland de Witt by yn ’t
neat forsonk. Mar ’t mûltsje siet Gelland op ’t rjuchte plak en de
eagen ek. Dy setten mennich feinteherte yn kleare bare flam en den lake
de lytse Gelland en wist sels net, hokfor kwea se wol net útset hie.

Der ’s earjister wer ien kaem,” andere Elske en strûpte de greate,
kralene redicule los. „Scil ’k der ris hwet út foarlêze?” Hielendal,
det joech gjin pas, it wie ien fen dy brieven, hwer al it lytse ljeaf
en leed fen in húsgesin yn biskreauwn wirdt, sierlik steld yn ’t Frânsk
fensels op ’t fynste pompier en mei in wolforsniene goezzefearrene
pinne, och sokke brieven bleauwne in seldsumheit! It skriûwen forlearde
yen ornaris like gau wer, as ’t leard wie, al koe elts fetsoenlik
minske Frânsk prate út ’e pin. Hollânsk wie goed for de boaden en ’t
ûnderhânse folk en Elske heit scoe raer opsjoen ha, as Elske yn ’e hûs
ris oars praet hie as Frânsk. En by de fen Rhé’s ek fen ’t selde en by
Frouckje Regnery hjar âlden, mar by Falentijn’s en Ripperda’s, der
praten se hjar memmetael, det wierne fen dy hoekhâlders, steech en
eigenwillich.

De boaten leine efkes stil, mefrou fen Rhé en mefrou Hopperus, dy-t
Elske it nijs al lang forteld hie, stapten oer op ’e twadde boat, om de
ljûe der noch ris fen it noadige to forsjen en Falentijn, in bytsje
fynread yn ’e wangen fen ’e waermte, kaem neist fen Rhé. Hy kipte ’r
him alhielendal út troch syn fewielige, swarte eagen en de ynwitens fen
syn fel, der de donkere eachsbrauwen súver swart op streken.... it
omsittend laech like groubonkich en ûnbihouwen by him. Minhear fen Rhé
skikte tichterby, neist Falentijn foel ’r wei, wie in âld man,
bienbitich en forfallen. Ek de dames skouden de kopkes hwet oan kant en
harken nei de tynge út in wrâld sa fier ôf, det de measten scoene wol
noait de reis oandoare. Falentijn mei syn hânnel sette ’r de stap noch
wol ris ûnder en weage him op in paed, ien fen ’e feinten mei út ’e
weverij, om ’e pongen mei sulver to dragen, mar as hy him der útwine
koe, liet ’r syn reissek ljeafst op ’e souder lizze en koe keapman
Andersen sels mar komme en siikje him op. Hy hie nou yn wiken neat
heard.... den mirk min wer, Ljouwert lei dochs op in úthoeke, it
wrâldforkear hâldde altyd alwer oan op ’e greate steden, Amsterdam,
Brussel en Parys.

Elske bigoan to lêzen: earst fen ’e brilloft fen Agneta en ho-t it der
tagien wie en fen ’e wûnderlik moaije tableaux vivants en hja in
Psyche, dy-t fen in lytse Amor mei sidene wjukjes djip yn ’t hert rekke
waerd mei in goudene pylk en efkes letter Orpheus, de treflike sjonger,
yn in Italiaensk lânskip mei hege olyfbeammen en cypressen en laurieren
en ho-t hy sêfkes bigoan wie to spyljen op syn spyltúch. Jeronimus Six
wie ’t, Els wist wol, dy mei syn blauwe dichterseagen. Nou, hy song en
spile en elk harke mei saun pear earen en do kamen út de boskages wei
op it toaniel allegear keine goadinnen en brochten him hilde. En de
moaijste teante stadich op him ta en sette him in krans op ’e holle en
do sloech se him de earms om ’e hals en patte him. Nou, ’t wie net sa
slim, it wie syn breid ommers en yntkoart scoene se trouwe,
tominsen”.... Elske hâldde efkes op.... „as de tiden sa wierne, det min
om trouwen tinke doarst. Hja, Cateau, skreau it mar, der broeide raer
hwet yn dy greate sted, ’t folk waerd sa oerhearrich en bretael det.
Gyng min to foet út ef yn ’e karos, elkenien seach nei yen mei
grimmitige eagen, krekt as koene se it mar amperoan mear forkropje, det
der guont wierne, dy-t it better hiene as hja.

En heit seit—skreau Cateau en Elske seach it, hjir hie de pinne efkes
stûke—it folk roan fier mei alles, hwet Frânsk wie en in greate winkel,
ien fen ’e bêsten, hie in nij úthingboerd skilderje litten en der in
Frânskman op yn great tenue en in spotferske op de reginten der ûnder.
De ljue waerden roerich, dy-t hjar oars skûl hâlden hiene, krûpen nou
út ’e hoalen en rinkelen mei kâld jild by de brêgen en jouns op ’e
striette, as de miene man fen ’t wirk kaem.”

Minhear fen Rhé en Falentijn seagen inoar oan. „Lêz det noch ris, ljea,
stiet der mear fen?” sei hy.

Elske lies it noch ris, hwet stadiger. Hja koe it brief al hast fen
bûten.... heit hie der al sa nijsgjirrich ta west.

En do kaem Cateau wer fen ’e moaden op ’e tekst, en det it breidsje in
troukleed oan hawn hie fen brúngiele side en der in kanten oerkleed
oerhine fen wite Brusselse spjeldekant, giel fen âlderdom en
kostberens. De hearen harken net mear, hjar tinsen arbeiden mei it nijs
om, det hja nys krekt sa hearden.

„Hwet det ris wer wirde wol!” sei Falentijn hiel sunich tsjin fen Rhé,
wylst de boaten stadich oer ’e stille wetters glieden. „Sa ’s ’t der
nou yn Frankryk oan weigiet mei ’t moardzjen by ’t weinfol, och, ’t
slacht altyd oer. Dy-t min as kening ynhellet, wirdt letter wol ris as
beul forwinske.”

„Jy smeule altyd op alles, hwet út ’e frjemdte komt,” andere fen Rhé
hwet út ’e hichte. „De geest hjirre is to lau.... to stadich....

„In hirdrinder is in dearinder,” miende Falentijn bidachtsum en sei mar
net folle mear. Mei fen Rhé moast min foarsichtich wêze, hy koe him nou
al sa lang.... mar ta hokker partij as ’r einliks hearde, wist ’r noch
noait en kleurleazens is faken ûnoprjuchtens en slûchslimmens.
Falentijn bleau jimmer op syn openst.

„It leit my dochs sa op ’e lea,” bigoan ’r wer, „der kin ek noch wol
ris hwet fen dy revolúzje nei ús lân oerwaeije. Sokke goarren bislagge
brede geäen. En den dy Buoneparte, sa ’n great jonge....”

„Ik wit net, as jy dy wol mear in great jonge neame kinne,” sei fen Rhé
hiel koel en seach yn ’e oarrewei. „It binn’ de minsten net, dy-t de
jeugdkreft sa oantrunet ta de died. Hy moat in bûtengewoan man fen wil
wêze, seit min. En hwet sizze jy, ús lân, hokker bilang ha hja derby?
Ha hja de hânnen al net foldernôch? Wy sjogge spûken, leau ik. ’t Is
ommers frede yn ús lân en al broeit it der yn Amsterdam, hwet scoe det?
Soks komt ús net iens oan ’e kâlde klean. En giet it al op ’e snaren,
nou! wy keapje in nûmmerruilder for ús jonges. Dy bliûwe altyd bûte
skot,” en fen Rhé tocht om syn ljeave Popke. Dy koe net iens in spin
dea-dwaen, brocht ’r se net altyd yn in tippe fen ’e bûsdoek bûtedoar?
Och, hy hie sa ’n tear hert!

„Bûte skot? Det wit ik noch net sa wis,” andere minhear Falentijn, „As
se komme mochten en it folk rekket roerich, hâlde jy jo jonge den by
honk? Fjuchtsjen lokket nou ienkear it hjitte, jonge bloed.”

„Al kostet it ek in pongfol goud, Popke komt noait yn ’t fjild. Hy scoe
’t bistjerre. Nûmmerruilders genôch en frijwilligers ek.... lekker iten
en drinken en hwet docht in soldaet? Omgean mei syn snaphaen leart ’r
yn in wike en witt’ jy noch wol, ho gau wy ús houwdegens hantearje
koene?”

Falentijn nikte, hja wisten it beide noch wol, ûnder ’t ôfdak fen ’e
kolfbaen hienne se stien en willemoeds yn inoar omslein as wylden,
krekt sa lang, det âlde minhear Hopperus dy krige in optuter en hie
wiken lang de earm yn in doek ha moatten. It frijkorps rekke wer fen ’e
baen, mei in bitûmmele sin joegen se hjar wer yn ’e bidaerte fen it
húslik libben en nou, in jier ef hwet letter, wierne de tiden sa mak,
sa njúd, dat de measte wapens rosten op ’e souder en min hâldde allinne
de pistollen by de hân as min ris foart moaste en liet yen binachtsje
hjir ef der. Sa ûngemirken wei bigoanen hja wer oer oare dingen to
praten en seagen it net iens, det der in hiel bosk beammen út it lege
lân wei opriisde, in eilân fen grien mids de klearte fen loft en
wetter.

Yn ’t heldere sinneskyn waer stieken se suver gril ôf tsjin de blauwe
loft en in foarhúzing ûnder in readpanne kape lake mei hjar fjûrread
wol sa gol en blier as in âld minske mei altyd jonge eagen. De boaten
glieden stadich fjirder, Freark-om hâldde ’t each yn ’t seil en
ynienen, do-t ’r in stik twa greate jonges ta in doarsgat fen ’e pleats
úttûmmeljen seach, rôp ’r sa ’n wyld „hallo!” det hja fleagen like hird
werom, bang as wezelingen for frjemd folk op ’e pole.

Mei lange stappen kaem de boer om ’t hûs en efter him syn wiif, alhiel
yn ’e stisel, ’t ljocht sitsen pakje oan en ’t earizer gleon yn ’e
sinne. De lytste droech se noch op ’e earm, twa hingen hjar oan ’e rôk
en efter d’âld flearebeammen loerden ek noch in stik trije wei, like
wyld as jonge katten yn in ienlike skûrre.

Jelle-boer, de selsbiwuste stive nekke fen frije Wetterlânster boer sa
bûgber, as ’r him mar krije koe, hie al gau syn bisite op ’e wâl en
stapte greatsk mei minhear fen Rhé foarút by de sydmûrre lâns nei
foarhûs ta. It hiele hiem lei der foar op syn Sneins, de hagen biknipt,
de bargehoksdoarren potticht, it gêrs fen ’e blikke meand en ’e
paedtsjes fen ’t naentsjetún foardoar oanklauwe. De bern hiene de hiele
moarn opslúten sitten yn ’t lytshús, Jelle-boer hâldde fen oarder en
regel en al wie hy as eren fader Jacob ek seine mei toalve, gjinien
krige by him in bûntkleurich rokje foarút, hy skearde se allegear oer
ien kaem. Sadwaende rekken der fjouwer yn ’t lytshús, trije ûntkaemen
syn taestige hân en krûpen op ’e hinnematte en dûkelen nou ynienen wer
wei efter ’t flearebeammestruwel, hwer Jelle-boer syn strange eagen se
wol yn lust hâlden en de beide âldsten, ea nou, dy laken hwet om
heit.... Hja ûntgroeiden him by de dei.... de nije jeugdbloei fen in
geslacht bigearde ek der op ’e âld Uleflecht syn simmer fen
hearlikheit.

Hja glûpten by de kamerdoekske ûndergerdyntsjes troch, dy beide jonge
fammebern en as in feest gyng ’t hjar eagen foarby: heit deun neist de
eptige minhear yn ’t swart, sa ’n bleke, hege hear, dy koe min ’t nou
noch ris oansjen, dy wenne yn in slot fen in hûs en den ’e âlde minhear
Falentijn, de lekkenwever yn syn stemmich brune buis, mar o mei greate
goudene knopen! en den de jongerein, hwet scoe dy jonge hear mei ’t
flaeksene hier yn syn swart kistje ha? Hy seach sa flau út.... scoe dy
wol yn in goed hûd sitte?

Do-t it smaragdgrien fen Ryklef Ripperda syn uniform yn ’e sinne
skittere en hja syn moai, manlik antlit seagen, waerden se ynienen
stil....

’t Gyng allegear s’as by âlds, do-t minhear fen Rhé syn heit noch
libbe, âlde Bernardus en Jelle-boer syn pake hjir op ditselde steed de
twa en tachtich jier fen syn libben sliten hie, earst kaem it kuierke
troch ’t tún en den panderen se de singel om, rûch bigroeid mei
oerjierrich gêrs en skean en bryk stiene der in hiele rige stoarmfêste
esken op, krekt as hie in koartswilige túnter se der mar sa kwankswiis
delsmiten en scoe ’r letter yet komme en sette se rjucht. De melke
bisten weiden den yn ’e „Wylpeseis” by de doar en de jonge keallen
sprongen op ’e klaverpôle om. Den wie Jelle-boer de kening en hy toande
syn bisit, like greatsk as minhear Falentijn nou en den syn
portefeuilles losmakke en liet syn kostbere Ingelse printen sjen.

Sokke tiden seach hy syn eindom mei Sneinse eagen, ontdien fen de
gewoante der dagen. For gjin hûndert goune scoe ’r dizze dei mei syn
stedsfrjeonen misse wolle. Hja rekkenen der mei as mei ’t almenak, de
3e Woansdei’s fen Juny stie mei in read letter oanteikene en noch
fjouwer en tritich kear scoe Jelle ’t yn syn sakboekje skriûwe kinne:
De Leeuwters hebben hier weest de derde Woensdags van Juny.

De pleats lei derfoar as in sterk, geweldich dier yn syn rêst; de brede
skûrrerêch hiel plat en rjucht, forsmelde him, koart fen hals yn ’e
foarhúzing, opskrandere troch de beide lytse finsters yn ’e gevel en
derboppe, ho wist ’r it fen lyts bern ôf oan! de Uleflecht, it âlde,
âlde stientsje mei de trije nachtfûgels. Waer en wyn jagen oer hjar
hinne, snie kladde oan hjar fêst, âlde en jonge minskefoetten gyngen by
hjar lâns, mar hja bleauwne, hwet se wierne, de frijdom, de flecht fen
trije tsjustere fûgels yn in wiid rounom. Der wie in teltsje oan
forboun.... mar Jelle-boer rekke der net graech fen op ’e tekst.
Minhear fen Rhé mei de fine snúfnoas for alles, hwet heimsinnich en âld
wie, wist ’r fen, oars nimmen. Jelle-boer hie ’t der útflapt, do-t ’r
ris tige yn ’e lytse loege siet en by de abbekaet kaem om rie, mar
noait hie dy der him ta krije kind en prate der ris wer oer en
dochs.... nou ’t de onwesenlike dingen fen ’e wrâld for de deishelderte
weikroepen as podden yn ’t tsjuster, tochten hja der beide yetteris om.

It folle griene skaed fen ’e folwoeksene beambledden lei oer ’t hôf,
min hearde de bijen gounzjen en de imerkes piipjen, in gielgou syn
goudene wjukken skitteren efkes yn ’e flecht, en mei in sierlike swaei
saeide in earrebarre op ’e skûrrenaed del.

Popke fen Rhé en Anne seagen it tagelyk en Popke, dryst nou-t mem sa
tichteby wie en heit ek net fier, pakte ynienen Anne hjar hantsje beet
en flústere: „Det lok is for ús.” En Anne glimke hwet, hiel efkes de
mûlshoeken kroes en hwet fynread yn ’e wangen.... It nije spel fen wyn
en fearren, fen jonge ljeafde sette yn, waerm en luftich as de
simmerwyn, like derten en nofteren as altyd fen hjar kant, mei
fynútplúze birekkening fen sines. Naem Mem him lêsten jouns net geweken
yn ’t simmerhús by de feart en sei: hy moast trouwe, hwent hja scoe sa
minlike graech in dochter ha wolle, dy koe mei hjar prate oer alle
frouljues ditten en detten en o! sa ’n stipe wêze op hjar âlde dei en
de namme fen Anne wie hjar suver yn ’e mûle bistoarn. En Popke stevene
der foart ynienen domdryst op los. Hwet maelde him Ryklef! Syn
forljeafdens makke him sa dryst det. As ’t wêze moast, koene se ’t
ommers wol útfechte. Hy scoe skermen leare kinne en ’t sjitten mei ’t
pistol. Gefaerlik wie ’t, min koe in kûgel yn ’e holle krije. Mar dy
ynset—Anne wie ’t wirdich. En Popke waerde ynienen sa dryst en sa
grien, det hy krige hjar de sjael fen ’e earm en syn meagere, lange
fingers taestten hiel efkes nei ’t mûtele fen hjar fel. Ripperda wie
fier.... François Falentijn en hy roanen drok petearjend ûnder ’e
greate linebeam ôf en oan en de frouljue swaeiden krekt as in team
keakeljende hinnen foarhûs om....

Anne seach sedich foardel, tik-tik gyng hjar hert en do hiel hird
ynienen tiktik—tiktik.... It swiere lûd fen Ryklef, hearde se det der
net!? as in dreigemint, as in hiel wûnderlik dreigemint, mei in
ûndertoan fen swiete ljeafde’s lokkinge. Hjar earmke foel slop del, hja
bistoppe it mei de útein fen ’e milbân en sêft ûntwykte se it
optwingerige fen Popke syn bywêzen. Mar dy joech gjin krimp.... al
slinende wei kaem de honger en ynienen, lyk ûnder it stientsje fen ’e
Uleflecht, pakte ’r hastich hjar hantsje en treau der syn forljeafde
lippen op.... ienris, twaris, hiel, hiel lang....

Anne seach prot, it hoarntsje wie kniesd en swijgsum droech ’r hjar nou
de greate, sidene redicule efternei en de sinneskerm, foarhûs om as in
trouwe slaef, op in healfoet distânzje. De beide jonge fammen yn ’e
keamer hiene alles sjoen, stiene to giisgobjen efter de kamerdoekse
ûndergerdyntsjes.

„Den ha ’k ús frijers dochs mar ljeaver,” sei Tsjet, de âldste. „Sa ’n
sidene jiffer, Karst scoe raer sjen, as ’t sa moast mei my. Hy hat my
lêsten heal dea knypt, do ’k net mei woe nei Wibe-oms ta.”

„En ho det sa net?”

„Ea ju, Klaes koe der ommers ek ris komme.”

„Det scoe ek al hwet!” lake de oare hwette ’smeulsk. „Ef sit dy det
noch sa heech?”

Tsjet sei neat mear, mar bigoan stil om to skrippen, de reade wangen in
bytsje feal en in fortrjitlike tear twisken de eachsbrauwen. Hwerom ek
altyd wer om Klaes to tinken? ’t Wie ommers út, dea foargoed, de winter
hie ’t yn stoarm en snie bigraven, hwet forline simmer yn bloei kaem
wie. Och, mei Karst wie ’t goed, mar krekt, as moast se hjar altyd wer
bitinke.... der wie hwet weiwaen út hjar libben en nimmen folde det
lege plak ea wer as krekt Klaes, de swankebast, de dolle
snaphaendrager, smeulde heit en hie se by inoar weiskûrd oer iis....
hird-wei nei manljuesaerd.

En hja joech hjar del en de oare Maeijes trouwde se mei Karst, dy-t
lânnen hie en huzen en in moaije keppel reabûnt fé.... hjar ljeafde
allinne, dy hie hy net. Dy naem in oaren ien mei de wide wrâld yn op
aventúr, dy gyng mei him as it skaed fen syn eigen lichem yn ’e
innigste skeakeling. En Tsjet en Jinke setten de lêste pannen klear en
minheare syn feinten droegen de sulveren leppels en foarken oan en
greate spoennene doazen mei útlânske fruchten, yn kleverige sûker
biraend en in greate seane skinke, de bonke mei sulverpompier
omfrissele en einliks in rezinene boffert, fiif fordjippings heech. Net
om ’e nocht wie der in tredde boatsje meifearn!

De griene estrikken flier glimde as in spegel, in skjin keakelbûnt
skoarstienkleed stie stiif út om ’e hege brede mantel, opsierd mei
pauwepannen. In nij lekken fen sels spoan linnen hiene se oer ’e tafel,
rikeljues dis fen mar ienkear yn ’t jier mei sûkere pankoeken mei
skinke en ierdappels mei iel en appelsmots efternei en for lêst
neigesetsje in greate tinnene petielje fol fjurreade, ripe, swiete
kjersen.

Jelle-boer’s Afke skommele ta de keamer yn en brocht de lytse, op ’e
earm yn ’e sliep fallen, yn ’e krêbe op bed to plak. Do sei se tsjin
Tsjet:

„Hast de demasten kjessens al op ’e stoellen? Mefrou fen Rhé myn greate
tsjerkestove, dy past hjar koarte skonkjes krekt en de oaren de
fjurrene stoven mar en ’e jongefammen de foetten mar op ’e katteplank
en der in foech kleedtsje op. Sa....” en hja krige in touwe Drintefel
en lei ’t der oer. Sa ’n stedsgesnjit! ’t wie hjar in wjeraks! Nou
hiene se it allegear sa yn ’e es, hwa tocht noch om dy foettebankjes?
En Jelle hie jister noch sei, by minhear fen Rhé hiene de dames de
foetten op biletteren mei siden jern! Nou, hja retten it ek wol, in
mem, dy’t hjar hiele jonkheit yn ’t lytse bernekriel sit, wirdt wol
redsum, hja hie tominsen noch noait mei de hânnen yn ’t hier sitten, al
gyng ’t der sims ek heil om seil oan wei en stie Jelle de mûts op min
sin. Nou ek wer—ho pakte ’r ynwindich mei dy jonge om fen him, dy
Sibren. Koe boer wirde en set me dy syn sin net op ’t masterjen! En
dwars....! Nou Jelle en minhear moasten ’t der mar ris oer ha. Hege
hearen sjonge diselde wizen wol ris op oare noaten....

Afke sette it earizer rjucht, reage de bern nei de hutte ta, hwer se
ite koene ûnder de hoede fen Sibren, der se sa bang fen wierne as ’t
hountsje en frjeonlik noege se de gasten, hjir en der op ’t hiem, in
pear al lui yn in opperke nij hea, ta ’t oansit. Wie ’t tafal? Ryklef
Ripperda rekke neist Anne Hopperus to plak, sa ticht neist inoar, det
syn greate kanten mouwopslaggen roerden hjar bleat, fyn earmke.

Der gyng in wûnderlike ljeavens fen hjar út—as hja by him wie, stie syn
hert altyd wiid op for alles, hwet goed en rein wie. Hja hearde by him
fen bern ôf oan.... by it sterke, geweldige fen syn aerd, it dryste fen
syn foaroanman wêzen en doarren paste hjar sêftens en meigeandens, hjar
hiele fammige skrutenens, der selst de dryste loaits fen syn eagen him
for forsêftige as for hwet hillichs.

Noait hie ’r hjar oanroere doarst, selst net op ’e bêste Moandei fen
Ljouwter marke forline jier, do-t hy mei syn kloftke frjeonen de
draeimounle ôfhierd hie en hja draeiden! draeiden! en hjar formakken as
in keppeltsje skoallebern, allegear, Jehannes en André Falentijn en
Popke en Baerdt en Wobbe mei hjar famkes en hy mei Anne yn in lyts
sulveren sweefboatsje, mei syn Anne lykme allinne. Stil siet se do
neist him, de suvere waermte fen hjar rein jong lichemke binaem him
hast it neitinken. Ho hie hy him ynhâlde moatten! al syn wilskreft hie
’r nedich hawn om hjar net yn ’t healtsjuster nei him ta to lûken en dy
reine lytse mûle to wijen yn ljeafde.... En neat oars diich ’r as der
hjar mei in swaei út to tillen en oan to sjen! o hja moást it fiele,
det ’r hjar ljeaf hie!

Hiel yntkoart, den moast it mar wêze. Den scoe ’r by hjar mem komme op
in dei, dy-t oars wêze scoe as alle oare dagen fen syn libben en
pleitsje for syn libbenslok! Hy hie ’t ommers al yn ’e hân, ’t wie
allinne ’t yn bisit nimmen mar mear. En dy lumen fen syn famke fen ’e
moarn: sa ’n fûgeltsje hage him, it moast net al to habbich op ’e
lokjende floiter tafleane.

As in oerwinner fielde ’r him der oan dy dis by Jelle-boer! De bierkrûk
gyng ’r roan en dy-t de wyn lêste, naem se út ’e swiere kristallene
romers en dronk syn famke ta, Jelle-boer, dy-t der stiif-wei by siet en
de frou, roazeread fen ’e eare, hjar oandien.

En Ryklef Ripperda stelde mei in plezierich sin in dronk yn op de beide
dochters fen ’e gasthear en syn forljeave eagen tútten it fioeltsjeblau
fen ’e âldste hjarres.... Dy waerde ta de hals út read en tochte om
Klaes....

Der bigoan in koele wyn to waeijen, ûnder út it Suden wei.... de
swijende beammen joegen lûd, de simmerwyn song.... In pear wite wolkens
kuieren oan ’e lofteinder, smelle, slanke wite frouljue yn in eineleas
lange seal fen blau.... ’t Wetterlân rekte syn sterk jong lichem nei de
godlike sinne boppe him.... de laitsjende, de aljowster yn ien
seinekûstering for hûnderttûzenen mei sinnememmeëagen!

Jelle-boer en syn gasten stapten it lân út, to fiskjen yn ’e útfeante
poellen. De jonges swarmen om hjar hinne, pûdden fol wjirms mei en
angelstokken op ’t skouder. Los fen ’t ket wierne se, hielendal pûr en
sprongen hjar út yn ’t lange gêrs en geiden hiel de kostelikheit fen
hjar dei út yn opljeppene wille, det it klonk as in skattering oer it
stille fjild, mei allinne syn sêft forweech fen stânnen en it rûzjen
fen ’e reiden yn in lânsleat. De seine snie der yn ’e fierte al in
ljachting yn.... mar hjir lei ’t der noch ongeskanseare foar yn syn
hiele boskige pracht. De wetterblommen bloeiden, de goudene
earrebarreblommen skeaten út ’e griene ské as blinkende, bûgbere
klingen. En oeral geure de balsem, it innigst aroma fen iensumheit
allinne, fen de skiente, dy-t der is yn loft en wetter en folsleine
rêst, fen it hiele iensume fryske miedelân!

Mefrou fen Rhé rekke op ’e stoel yn ’e skadige keamer oan ’t
knikkeboljen. De dei wie sa lang en sa hjit en as se ek net mei moatten
hie om ’e bern, och hwet wie se folle ljeaver thúsbleauwn en sitte hwet
yn ’t simmerhûs by de feart en drinke der thé en sjogge de skippen sêft
foarby gliden. Mar fen Rhé stie der hjar sa op oan.... den koene der
ommers jonge fammen mei en hie Popke de baen rûm. ’t Moast nou wêze mei
Anne.... de tiid fen ’t flinterjen, ’t gekoartegear jouns let mei moaie
steechfammen wie foarby! It koe for de stedint.. nou joech ’t gjin pas
mear. En mefrou fen Rhé wist—nou wie heitehân strang. Popke waerde op
’t plak treauwn, der’t hy hearde en Anne de sêfte balsem op ’e
woune.... En mefrou fen Rhé glimke fyntsjes. Hjar dream wie moai.

Hja hearde de jongefammen bûtedoar.... ôf en oan gyngen se de finsters
foarby yn ’t skaed fen ’e linebeam en hjar jonge lûden njuenten sefkes
in luftige, frânske „bergerette” fen: „In harder, dyt in famke foun,
tra-lá, tra-lá, tra-lá”, en boppe alles út it skelle, jonge lûd Sibbel,
„tra-lá!!”

Hja skodde de wide rôk hwet út en striek it brede panier fen
goudbrocaet wer gled oer ’e hoepen. Hja mirk it, de âlde dei kaem
stadichoan, mei stivens yn ’e skonken en grize hierren yn ’e lange
krollen. Fen ’e lytse, slanke Nelle fen alear wie net folle mear
oerbleauwn en Lucia Hopperus neist hjar noch yn folle fleur, in
geurige, bloeijende roas! To glûp seach se nei hjar, hja mirk it dochs
net, hja slomme noch—hwer hie se nou dy ripsene side fen ’e japon wer
wei! Dy frjemde kleur, bleek-feletten as heal-útkame finjelieren. O
fensels út ’e sidekream forline simmer op ’e marke, dy greate fen
Dujardin út Lyon! der mefrou Falentijn ek altyd op tafleach as in bij
op ’e hunich. En kostlik gûd as se hiene, lêst simmers hiel hwet nijs,
lange smelle sjalen fen kant en mei gouden triedden der troch en in
rânne fen greate sidene blommen! Hja hie gjin lichten dien, hja hie ien
ha moatten en fen Rhé hie der hûndert en fjirtich goune for útteld en
galant klage, moaije frouljue wierne djûr en mei de fingerseinen it
weefsel bifield en nei galen sjoen en hjar der optlêst hielendal yn
biwoelle, syn lytse Nelleke. Dét hie Lucia Hopperus yn al hjar pracht
dochs net mear—hja wie widdou, in jonge widdou, in rike widdou, mar mei
ien dochter fen sauntsjin jier, Nou, ’t scoe wol net lang mear dûrje,
as der waerd de breidstaert for bakt.

Jelle-boers Afke kaem ta de keamer yn en helle de thépotten en ’t
saksis servies út ’e boddelerij en frege mefrou fen Rhé, ho-t min thé
it bêst sette. Ornaris bikweadige hja hjar net oan det gûd, ongesoun om
to drinken wie ’t en trekpotten fierst to moai, om to brûken. Hwer scoe
’t sa dageliks wei hinne, dy djûre thé en sûker.

En hja lange hjar in poun bêste Sineeske thé oer fen minhear Falentijn.
„Nou, dy ’s net min,” prize mefrou fen Rhé mei in théprikje twisken de
tosken. „Falentijn wit de kanalen, dy hat syn frjeonen oeral,” en efkes
fielde se hwet as ôfginst. Lokkich, hjar man kaem altyd noch ’t earst
yn ’t greate Ljouwert, mar den ek—deun efter him—bysitter Falentijn, de
lekkenwever. ’t Spande altyd danich, om baes to bliûwen.

De manljue kamen werom fen ’t fiskjen. It hie net bite wold.... ’t waer
fierst to moai en allinne hwet bleijen en wâldfamkes hapten oan ’e
angels. En dy wierne for de jonges.

Jelle-boer naem minhear fen Rhé geweken.... en dy koe syn âldste jonge
wol brûke. As ’r net doochde op ’t abbekatekantoar.... nou, as ’r
letter ris in skoalmastersplak forsong waerd; den scoene hy en
Falentijn him der wol ynhise. En der foel Jelle-boer in pak fen ’t
hert. Wer in iter minder! As der fjirtsjin om ’e tafel sitte, gappet it
wol ris wider as ’t byt, wirdt it birekken laech, sniene daelderkes....

Tsjin ’e joun kaem it lytse diveltsje fen ’e lûdroftigens oer ’t
gearset. Hja songen en dounsen, det it hwet diich en Popke rekke op in
bankje yn ’e blikke en spile as wilen Orpheus op ’e fluite út it swarte
kistje. De eptige jiffers harken, de dochters fen ’e boer stiene der
forweesd by, de earrebarren kuieren de skûrrenaed op en del en
klepperen der tsjin en ’e hiemdogge gûlde yn ’t efterom. Mar Popke
blies tróch, syn biennige fingers treauwen mei staesje de koperen
tongkjes del en syn flauwe eagen hâldden Anne mar yn ’t fesier. Sims
song hy der by.... kostlike sangen fen ljeafde en min en dea ûnder ’e
koele ierde en alsa. Jelle-boer’s dochters kearde it hert yn ’t liif
om, sa moai wie ’t, mar do-t de fluite in dounswiiske bigoan, tripken
hjar jonge foetten ek al wer fleurich mei.

Mefrou fen Rhé seach fen Popke nei Anne. Dy siet hiel stil op in
bankje, de eagen great en helder as wetterdrippen, der sinne yn falt,
hiel moai famke yn hjar jurkje mei roazeknopkes en ûnder ’t kintsje de
greate sêft-fleiskleurde túllene strik fen, ’t smelskadich roazekypske.

Popke hie syn „ode” útjammere, nou helle ’r in pompier út ’e bûs en
bigoan in gedicht foar to lêzen „Amarantha en de eeuwige jeugd”. Mefrou
fen Rhé hjar lange krollen nikten byfal: hwa wie nou sa ’n great man as
Popke? hwa koe soks? Ommers gjin-ien, Ripperda koe fjuchtsje en
hynsteride en Jehannes Falentijn dokterje en André keapmanje, mar sokke
djipsinnige dingen tinke, det koe gjin-ien as hjar Popke. Sels bigriep
se it sims ek net al to goed, mar hja hie ek gjin seis jier op ’e
stúdzje lei yn Frentsjer en hja koe einliks mar twa boeken goed: it
âlde „Kook- en Braadboekje” yn ’t francinen bantsje en ’e „Aglaja,
journal des modes parisiennes”. De leardens hearde ek by de manljue,
learde frouljue, dy griisden hjar oan. Dy diene it allinne om ’e sinnen
to forsetten, as se gjin man krije koene, dy-t hjar hwet opplesiere, sa
’s nou Popke it hiele selskip, hwent selst Jelle syn jonges gniisden
efter ’e linebeam wei.

„Det ha wy wer tróchstien,” spotte Ripperda en lake mei André
Falentijn, do-t Popke syn gedicht as in lyts bern ynpakte en ’t yn ’e
bûs op ’t herte treau. „Den hear ik ljeaver hwet oars.” En mei syn
moai, fol lûd bigoan ’r:


    „Gezegend zij het jaar, de maand, de dag,
    Het land, de plek, waar ik, op eens gevangen,
    Voor ’t allereerst die hemelsche oogen zag,
    Waaraan voortaan geheel mijn ziel zal hangen!
    Gezegend zij het eerste zoet verlangen
    Der liefde, ontwakend bij dien englenlach,
    Een straal, zooals geen zon ze werpen mag,
    Een zonnestraal der liefde, op rozewangen!
    Gezegend ieder lied en ieder woord,
    Waarin ik haar verheerlijk! al de klachten
    En tranen, in mijn eenzaam hart gesmoord!
    Al de arbeid van mijn slapelooze nachten
    De lauwren, die ik won en die mij wachten,—
    Wijl alles U, mijn liefste, toebehoort.
    
    
    Verban mij thans, waar zon de halmen schroeit,
    Of dáár, waar sneeuw en ijsschol haar trotseeren,
    Waar vogels in de palmen kwinkeleeren,
    Of eeuw’ge storm door naakte dennen loeit:
    Waar rozen geuren, of de distel groeit,
    De roem mij kroont, of lastraars mij onteeren,
    Waar op mijn bloed de bleeke zorgen teren,
    Of ’t blinkend goud me in stroomen tegenvloeit:
    Bij dag, bij nacht, op bergen en in dalen,
    Geboeid of vrij, in hut of koningszalen,
    In ’s levens lente of grijzende onder ’t leed:
    Gij, wie ge zijt, mijn vijanden of vrinden,
    Ge zult me altijd, alom, dezelfde vinden,
    Ik heb gekozen. ’t Is voor eeuwig, wat ik deed!”

Min hearde neat oars.... it hege rûzjen yn ’e linebeam gyng as in sêfte
ûndertoan mei it wol-lûd fen ’e manljuessstim, donker fen klank, suver
stimd troch jonkheit en djippe neifieling fen it dichterwird.

Anne seach him der sa stean, o! ho seach se it jierren letter noch!
manlik en foars yn syn griene rôk mei de amethysten knopen en ’e brune
krollen sa frank en frij toside om ’e holle, earnstich, en allinne dy
eagen, dy moaije brune eagen! ien fleurigheit, ien ljeafdelokkinge!
Hjar sielen wierne optheden noch ris wer tichte by inoar, o sa
ticht.... kaem ’r op dit stuit en naem hjar ta eigen, o yn willichheit
gyng se mei.... Hwer wachte ’r altyd noch op? en plesiere den mei dy en
den mei dy? peteare yn ’e thétún mei Gelland en ried mei Elske op ’e
seas en den ris wer mei hjar.... det diich hjar sear. Hy moast hiel
allinne for hjar wêze.... lytse autocrate dilde se gjin keninginne
neist hjar eigen keninklikens.

It dicht wie út.... de neiklank song noch nei yn hjar earen en de
ljeafde yn syn lûd liet it lokjen net.

De oaren gyngen noch ris troch ’t tún, hja mirk it net en ynienen stie
se allinne yn ’t naentsjetún mei syn knipte palmbeamkes.

„Anne!”, sei der ien en noch ris wer: „Anne!” Op hjar bleke wangen
ûntjoech him in fyn bloske as in teare roas. O hwet wie se moai! Scoe
’r, scoe ’r?! en yn blide eangstme hinge ’r dochs noch efkes tsjin oan.

De brune en ’e blaue eagen heinden inoars ljeafdeloaitsen yn folsleine
oerjefte.

Honear meij ’k komme?” sei ’r hiel sêft en bleau yn in earbiedigjen for
hjar allinne-wêzen stean, der ’r stie. „Moarn, oaremoarn....?”

Der gyng in nije moaijens oer hjar sêft antlit, it herte fen ’e man
foar hjar sprong óp fen blydskip! Sá sjocht allinne in fanke, det
ljeafhat, det de ropstim fen dy keningin heart en.... komme scil.

De wike is hast om....” Yn jongfammige skrutenens for ’e
libbensbislissinge socht se noch in pear dagen frij.

„Den yn nije wike? Tiisdei?” De „declaratie”, hy wist, it scoe Anne’s
earste wêze en miskien.... hjar ienichste. Syn hert wie ta barstens ta
fol fen blydskip. O hwerom hie hy dit ek noch sa lang útsteld!

„’t Is goed”, andere hja sêft en bûgde it holtsje foardel.

„Is ’t dy goed, Anne?” sei hy ynienen.

Hja sloech de eagen fol nei him op. „Ja my,” sei se.

Do gyngen se togearre om ’t hûs, hja tear famke yn hjar wyt,
koartmillich jurkje, hy yn syn foarse brunens sa great en sterk mei syn
rinkeljende spoaren en de steek ûnder de earm....

De Woansdei, de 23ste fen Juny 1793 roan nei de ein. De boatsjes mei de
bisite fen Jelle-boer glieden de stille wetters wer lâns op Ljouwert ta
en yn ’e wûndere heimichheit fen ’e simmerjoun forebbe it praet sa
njonkenlytsen wei yn stiltme.

In jounfûgel song.... in fiere doarpsklok lette de ljochte dei út. Min
hearde it klappen fen in flecht ielreagers hjar wjukken yn ’e stille
loft.... Der wie gjin wyn mear, de reiden stiene onforweechlik oan
marsigge....

De sinne stoarre as in stille tinker efter in waerme dize wei, bywilen
loek dy op, den lei it gea der gouden foar mei tûzenen kleurige blommen
bisjidde en glieden doarpen en pleatsen as onwesentlike bernedreamen
foarby, mearkes, omgoude fen fantasije, noait fen wierheit biseard.

De oare deis, it wie in Tongersdei, kleau Peter, de hearsfeint fen fen
Rhé mei in gesicht, al lang yn tsjinstberheit forfêrzen, by ’t parradis
op fen mefrou Hopperus, liet de koperen klopper hiel biskieden falle en
brocht in rûker roazen for freulijn Anne fen minheare Popke fen Rhé en
diselde middeis! ho trunen heit en mem him oan!.... do striek Popke fen
Rhé syn flaeksen hier hielendal fol mei „pommade des Elfes” en poeiëre
it oer en oer en socht de moaijste sidene halsdoek op en ’e langste jas
en al de moed, dy ’t ’r mar yn syn binnenst hie en gyng fjouwer ûren
letter ek by ’t selde parradis op. Anne siet foar ’t finster to
letternaeijen.... ’t hert sonk hjar oan ’e rose boltsjes fen ’e lytse
foetsjes ta. Mefrou Hopperus naem him geweken yn ’e salon, dy-t útseach
yn ’t tún en der gjin folk hjar biharkje koe, Anne, lyts fornim ek net,
hwent hwet Popke hearre moast, páste gjin jongfammeëaren. Popke stie’t
tróch.... de earste pynlike ûre yn syn libben en mefrou Hopperus lake
yn hjarsels om ’t stumperige figuer, det ’r sloech. En diselde middeis
wist Anne, det se ienfâldich sûnder ’r sels yn kend to wêzen, jown wie
oan Popke fen Rhé en der op rekkene wirde moast, det de trousseau ré
wie yn Septimber. En do-t Anne dochs tsjinabbeleare en prate fen
Ripperda, lake mefrou Hopperus mei al hjar wite spitsige toskjes bleat:
in âlder allinne wist, hwet goed wie for syn bern en Anne hjar fâld koe
mei bislisse ommers.

En dy seach djip yn ’e moaije eagen fen mefrou Hopperus en foun fen Rhé
in skitterjende partij mei foarútsichten en hy klapte efkes mei de
tonge, krekt sa’s hy ’t op de hirddraversbaen diich, as in draver de
guit naem. En hy bûgde noch djipper foar mefrou Hopperus en seach hjar,
de jonge, de rike, al yn syn iensum hûs as frou....

En Anne moast de Sneine derop mei him nei tsjerke, mei Popke fen Rhé.

En Ripperda hate de frouljue en forsmoarde al syn leed yn in ljeafde,
dy-t min for rinkeldaelders keapet.




II.


De weagen skûmmen wreed oer ’e lege lânnen om Tyttsjerk hinne. ’t Wie
der in onlân fol sompen en gatten, hwer de reiddomp húsmanne en sims sa
kleije koe yn syn ienlikheit, hwer simmers de markollen by mennichten
nesselen en yn ’e foarwinter greate kloften wylde swânnen delstrieken.
By tiden stoude it ûnstjûre wetter selst oer ’e âlde Swartewei hinne,
de ienichste forbining fen it noardelik diel fen Fryslân mei syn
haedstêd Ljouwert en fordústreweare alles, hwet him yn ’e wei stie.

Nei in hjitte simmer, dy-t de klaeidiken en teffens rydwegen, sa hird
makke hie as in telleflier, ploeid fen greate barsten, stoarmen nou
Rispmoanne syn stjelprige reinfleagen oer ’t fen simmerdroechte
teistere gea. Alles hie wer tier—de beammen skodden de moude fen ’e
bledden, it nijgêrs fen ’e greiden griene op en de bisten sochten wer
tier de fynste gêrssprútsjes út ’e sleatswallen ef stiene loai op in
oerjierrige modderbult to eagjen nei in boartlik skipperskefferke, det
in keppeltsje wylde einen opjage út hjar forskûl.

For de hegere wâldlânnen mocht it bêst waer hjitte, for de legere
kriten wie ’t in bisiking. It fé moast mei in boat út it wiete lân
opfandele wirde, dammen en polderdykjes sloegen wei en it wirk, der de
ljue hjar tosimmer sa op biflitige hiene, waerde yn ien amerij fornield
troch it bolstjûrige bûtewetter, det de Súdwestewyn djip yn Fryslân
opjage.

Der loeken tearen yn in bulte foarhollen.... ho scoe ’t fen ’t winter
komme moatte? It foer krap, de tiden min, hwer moast de hier weikomme,
in grouwe acht goune de pounsmiet! en de lêsten! de hiele santepetryk
fen floreenlêsten en doarpslêsten en ’t reëel ef de reëele 100ste
penning, letter neamd personeele lêsten en de dykslêsten! Meitsje mar
ris in fûst, ast gjin hân hast! Mennichien hie in swiere mûts op, as ’r
om de takomst tochte en foar eagen seach, ho fûl as de greatste fijan
fen Fryslân wer taknypte, der hwer hy foet krije koe.

Sa gyng ’t in kloftsje Wâldtsjers ek, dy-t yn ’e iere moarn fen in
neisimmerdei fol sinneskyn en myldens de sânpaden fen ’e Feanwâldster
kant delkaem wierne, nou ’t foetpaed fen ’e greate hearrewei op
Ljouwert hâlden en sa stadichoan, al kâltsjende wei ’t doel fen ’e
reis, ’t Ljouwter wykmark tomjitte trapen.

It wetter woan nou net mear.... der waeide al in pear dagen in stive
koelte út it Noard-Westen.... de loft, hjersthelder, wie wer sa blau
det en de sinne krale eroan. Der koe noch wol ris in droech rytsje
komme, sa stie ’t der krekt nei. It stof lei al tsjok op ’e manljue
hjar klean, ’t bêst pylekkens buis, ’t sarsjes baeitsje ef ’t lekkens
kammisoal, al nei ’t de pong it lije woe. ’t Bêste gûd, det jamk in
minskelibben mei koe, paste wûndre skoan om hjar stevige, skoudrige
lea, al roan der al ris in inkelen ien ûnder, dy-t hwet út ’t lead
hinge fen âlderdom en mirk min ek wol oan in pear, hja wierne tominsen
al mei de sinne op reis gien.

Mar de âlde skonken koene der oars wol tsjin; de measten, dy-t wol
hûndertris dit paedtsje deltrape wierne, keuvelen wol oer ’e
biswierlike wei fol gatten en bulten en oer ’e rimmetyk, dy-t hjar mei
feninige prippen yn ’e rêchbonke stiek en hwer Ulrich jeneveroaljekoop
syn smarseltsjes ek al gjin baet for joegen, mar as de jongerein him
wer reisfeardich makke, de knobbelige iken stôk yn ’e hân, de brogge yn
’e bûs en it fewielen reissekje oer ’t skouder ef as Rindert Bienses,
de siedkeapman, mei in stikmennich siedpûdtsjes yn ien strûp, den
gaspen se de fetlearen skoen ek mar wer oan en panderen mei.

De jongerein hie de foarstap en lake nou en den ris om in snedige set;
de âlderein kaem wis-wei efteroan en koarte mei earnstich petear de
iensumens fen ’e wei, der hjar net in bult foarby kaem as de postwein
mei de heechbiladene bywein en hwet letter op ’e moarn in lânhearre ef
oare hege oome, dy-t mei eigen reau, de chaise ef de faeitonne, ek
ûnderweis wie. Inkelde oaren, foetfolk lyk as hja, wierne al foar hjar
út.

In moi reafallich man roan lyk-op mei Rindert Bienses, dy-t lang en
licht, der oer trêdde as in lânmjitter. Syn stevige skonken, stitsen yn
wrede streekhoazzen fen sels oanretten jern en lege skoen mei oeribele
greate sulveren gaspen, koene skoan de stap hâlde mei syn kammeraet en
hy prate as in alk oer ’e sied- en bûterprizen, dy-t noch bûtengewoane
heech wierne. Gau in lêst rogge net fen 200 oan 280 goudgoune ta sims?

„Ik wit net, ast great gewin altyd wol foardiel is,” sei Rindert
Bienses koel. „As ’t jild ien kant útgiet as ’t wetter fen ’e mar, den
sitte oaren wer op swart sied. En ’t is altyd fet yn in oarremans
skûtel, al kralet der net ien each op.”

„’t Stiet der hjir ek net sa botte bêst foar,” sei Foppe Lieûwes, syn
maet nou en seach ris om him hinne, oer ’e sêft-forweegjende wetters,
hwer it lege lân ûnder lei to hymjen nei loft en droechte.

„Hjir scil ’t rib heech hingje fen ’t winter,” andere Rindert Bienses.
„Hwet holstallerich hea, minnernôch om de bisten de bonken brekke to
litten en ’t reid tobritsen fen ’e hirde wyn. En det ’s oars sa ’n moai
appeltsje for de toast. Wy scill’ der fen hearre, freez ik.”

„Nou! der scil grif klage wirde!” joech Melle Jans him yn ’t petear,
wylt ’r foarheftich oan ’t tou loek, hwer in stymsk skiep oan hinge,
det ’r as in sunich boerke, dy-t alles sels bikneuzele, nei ’t wykmark
laette. „Mar kleij mar ris by de greate hearen, min komt mei in droech
stik brea en giet wer mei honger nei hûs. Dy-t brea hat, kin ommers
noch mear útsûge wirde! Wei mei sokken! Rjucht for de earmen! de
fortrapen!” en hy biskreau, alhiel pûr, mei de frije hân in bôge troch
de loft.

„Rjucht?” klage Foppe Lieûwes, dy-t it alhielendal net oanstie, hwet
Melle Jans biriddeneare, „rjucht, hwer fynst det yet?”

„Net by de baentsjejagers, dy skarlunen, dy frette as djûre hynsders de
hjouwer op, dy-t wy forbouwe! Triûw se troch ’t hinpen finster[1]
sokken! Us gelikens der yn!”

 [1] De galge.

Foppe Lieûwes skodholle. „Der ’s foar en nei al sa’n bult ûnthjitten en
hwet ’s der fen kaem!” sei ’r.

„Forkearde ljue oan ’t stjûr,” sei Rindert Bienses wiis. „Melle-boer
moat der mar ris yn.”

Dy skûrde syn lytse eagen wiid op, wakker op ’t snjit, nou-t ’r miende,
det ’r help krige fen Rindert. „Jy sjogge de saek troch, man. Mar mei
Foppe kin ’k gjin streek hâlde, „dy wol de stinsljue oankrûpe en ’e
hege hearen.”

„Hwet scoe ik?” miende Foppe dimmen. „Ik, in boerke fen ’t Wytfean.
Wist, hwer ’t ik in hekel oan ha, altyd det geraes oer rjuchten, det
letter wol ris blike, ôfsettersrjuchten to wêzen. ’t Folk heart in
oerman to habben, Melle jonge as elts syn eigen baes ris wie....” Noch
heal oan ’t wird, bikoarte ’r him al, det ’r sa syn miening útring jown
hie, hwent Melle waerde sa wyt as in doek fen lilkens en spatte op: „Dû
neisaet fen in Prinsman, ik woe, det dyn earen ris bikôge waerden! det
se in trijedûbbele strop for dy draeiden! Dû hearst yn Parys ûnder ’t
mes,” en hy skûrde sa oan ’t tou, det it skiep rekke los en hippele nou
op stive, stymske poaten foar him út. En hy liet him rinne, sa
breinroer wie ’r. „Hâld op to harsenskrabjen, frjeonen,” formoanne
Rindert Bienses en helle de koperen toebacksdoaze út ’e bûs. „Kom,
priûw ris, Melle. „Wy moatte frede hâlde as lânsljue mei inoar en ’t is
better, wy dogge hjoed allegear mar ris fornimstich neifraech nei nijs.
Licht is ’t mar in los praetsje, as hjir Frânsken komme scille.”

„Hwet ha wy ek mei det Frankryk fennoaden,” sei Hindrik Piters bidaerd
en telde de jonge hoantsjes noch ris wer nei, dy-t ’r hjoed as in
bitûfte hinnekeapman hope to sliten yn in greateljueskoken op ’e
Nijestêd ef yn ’e Tsjerkstriette! Hwet gyng ’t him oan, ef se al ef net
iggewearje en fjuchtsje en deije woene! As hy himsels mar bidrippe koe
mei hwet mollefangen en hinnekweken en syn moai jong wyfke mar ris in
blomt cachemiren doek for hjar blanke hals forearje koe. Alhielendal
neat!

Japik Japiks, ek ien fen ’t Wytfean, in deune boer, dy-t to sunich wie,
om ’t reau to brûken nei stêd, joech him nou ek yn ’t petear. „Dû
komste hjoed wol by de plûmker, fornim dû der ris nei,” hjitte ’r Foppe
Lieûwes wiis. Dy sei earst neat en seach ris nei syn wylde einen, dy-t
r yn ’e Leijen sketten hie en nou soarchsum yn in âld pypkoer mei in
touwen hânsel nei de stêd ta brocht.

„Wist, hwer de Heechstriette is, Japik?” sei ’r einliks en efkes spile
in gnyske om syn fynlippige mûle.

„Wis wol,” wie ’t andert.

„Der de Plôke Petrys úthinget? Gien der hinne en freegje himsels,” sei
’r koelwei. „Ik hânnelje mei him oer einfûgels en Frankryk is for my in
dea ding. Derby, Berdeau is in opljeppene Frânskman en ik in stege
Fries, de hotte moat de file mar net reitsje, wy koene inoar wol ris yn
’t hier omteppe.”

Japik Japiks seach sneu, hy hie ’t net stean op Foppe, dy wie sa snoad
as roet en fier forneamd om syn stjerrekindige birekkens en leardens,
ien, dy-t al skriûwe koe! bigryp ris oan! moaije letters mei krolders
en hy, Japik Japiks, moast syn namme noch sette mei in krúske en master
sette ’r den it oare by. En petretten knippe mei de skjirre koe ’r ek
en det fen stikjes swart pompier.... doomné mei de bef en ’e steek,
master op ’e skoenmakkersskammel en ’e plak yn ’e hân, grytmansdochter
yn ’t pakje mei stroken en o grys! hysels Japik Japiks ta spot en
skande op syn âld guds, dy-t him oer ’e hikke smiet dodestiids, do-t hy
sa mâlle min seach en de wyn by Theunis Annes op ’e Tille sa goed
smakke hie.

„Kin min saken dwaen mei dy plûmker?” frege ’r ynienen immen efter
hjar. It hiele selskip seach om en bleau do efkes stean, om mei Wibe
Lubberts fen ’e Twizeler tsjerkepleats[2] to fûskjen. Hy wie hjar,
lykme allinne, efterop roan en nou bliid ta, det ’r frjeonen as
Foppe-om en Rindert Bienses by ’t selskip foun. Hy kipte ’r him
alhielendal út, in greate, steile man wie ’t en sa wyt as in wever.
Praet siet ’r net folle by, in dwaender wie ’t, dy Wibe. Hjerstmis en
maitiids ienkear joech hy him op in paed nei Ljouwert ta, koft, hwet ’r
brek wie en markbite goed, hwer hy bilang yn stelde. Oars kaem hy net
fen ’e pôle as to bern oanjaen by doomné ef nei in bigraffenis ef in
inkelde kear yn ljochtmoanne waer nei ’t Wytfean ta to jounpraten by
Foppe en dy’s.

 [2] Tsjinwirdich fen ’e femylje L. J. Smeding.

„’k Scoe my mar net ôfjaen mei him, nou tominsen net,” sei Rindert
Bienses hiel sunich tsjin him. „Min seit, hy is in bitelle oandrager
fen ’t Frânsk regear en och!.... det hiele plûmkersbidriûw is mar in
doekje for ’t blieden. By de hege hearen fen Ljouwert moat ’r hotus en
totus wêze, wirdt der gnute. Yn ’87 is ’r hjir hingjen bleauwn, den
wistû wol genôch. En as hy dyn toebacksdoaze mar sjocht, den wit hy ek
genôch,” en beide tochten se om de spreuk: „Oranjen ben ik aan gehecht,
Dat is mijn Heer, ik ben zijn knecht.”

It neamen fen 1787 brocht hjar dy dagen wer tobinnen en Foppe Lieûwes
en Rindert Bienses eiden it noch ris wer oer: de fjuchterijen, it
minmeitsjen fen ’e Prins, de ôpstân fen ’e Patriotten, dy-t de Prins
forfallen forklearje lieten fen al syn rjuchten en sels op ’t stoeltsje
sochten to kommen. Do hjar bilies jaen en de flucht út Frentsjer yn
1787, de haet en ’e nyd, yn Hollân útfochten mei bloed, do eangstme,
do-t min hearde, kening Frederik Wilhelm II scoe der in great leger op
útstjûre, om wraek to nimmen oer de minne bijegening, it wiif fen ’e
erfstêdhâlder, syn sister Frederika Sofia Wilhelmina, oandien by
Goejanverwelleslûs. En den de deafonnissen, dy-t der koel-wei
útspritsen waerden, de forbânnings fen ljue, dy-t patriotten hjitten en
der min yn in lang libben oars neat fen wiste, as det it bêste minsken
west hiene en dy-t nou by tûzenen twongen waerden ef frijwillich
foartgyngen for altyd. Sjoch, de skrik siet der noch genôch yn.... op
dizze moaije hjerstmoarn waerden hja der yetteris stil ûnder.

Jawisse, it greate leger fen ’e kening fen Prusen wie bitard ta 22.000
man, dy trieken al ringen wer oer ’e grinzen, do ’t de patriotten
bilies joegen; de Stedhâlder wie wer yn hâlders-hân en waerde wer
oanhelle fen ’t selde folk, det him for in set skopt hie as in dea
houn, mar sei! in hopen ljue, dy-t min graech werom ha woe, bleauwne yn
’e frjemdte en ’e skerpe angel fen ’e stille forbittering, né, dy loek
min nea net út it herte.

Forstânnige ljue, s’as Foppe Lieûwes en Rindert Bienses, dy wisten it
wol der hoechde net in bulte by to kommen, as de fonken glûrren wer fen
nijs en as in fjûr lang smeult en it einliks nimt, den wirdt de lôge
ommers geweldich.

Sa gyngen se al kâltsjende wei it âldbiwende paed. De wei waerde nou
sompich, de lytse dykjes oan wearskanten koene ’t wetter hast net mear
keare en de blabze spatte hjar wit ho fier by de klean op. „Dit ’s in
biswierlike Ljouwter reis,” miende Rindert Bienses, wylt ’r Foppe-om
efternei trêdde, it smelle kouwepaedtsje lâns, det mei takkebosken
ophege wie.

„Nou, ’t is net sa slim for ien kear,” sei dy. „Mei gauens, den wirdt
’t waer minder, den is ’t reisgjen dien fensels. ’t Fé op ’e stâl, det
’s de streek troch ’t jier. Den libbet min binnedoar.”

„Ja, jou,” andere Rindert Bienses, wylt hy wer neist Foppe kaem, „jou
gewin stiet net in amerij, mar mines.... kom ’k net op ’t wykmark, ho
wit ik, ho-t de saken gean? En sa ’n nuvere tiid is ’t tsjinwirdich, it
mark slingert hinn’ en wer as de slinger fen ’e klok. Hjoed gewin—moarn
skea. En sa út en troch dy reizen nei Amsterdam mei de Limmer beurtman:
’t is in sûr fortsjinne stikje brea....” en de soarch skade as in
stille gonger oer syn antlit, brún fen waer en wyn, mei opmerkelik
deryn de lytse, finnige blaue eachjes fen in bitûften hânnelsman.

„Jimm’ affearen, det is noch hwet! Der sit noch sang yn,” andere Foppe
Lieûwes. „Der kin min aerdichheit oan ha. Uzes giet altyd yn âlde pake
stap en bidije docht it nin byt....”

„Der wirdt oars sei, jowes bidijt wol hwet,” glimke Rindert Bienses.

„Hwa hifket oarmans pong!” warde Foppe him. „As min hjerstmis yen
hjouwer en rogge oan ’t mark bringt, falt it altyd ôf. En hwet sit ’r
in geskrip yn, sa ’n hiele simmer lang! En den dy deune brouwers, hja
tingje yen de lêste duit ôf en sjoch se ris! bin ’t gjin hearen?”

„Jildoerwinnen hoecht ek net by hûnderten to gean,” andere Rindert
Bienses noch en do rekken se foar de Hoeksterpoarte by inoar wei.
Allebeide wierne se wakker op hjar openst, as se ek hwet nijs wys wirde
koene, mar hja hearden neat oars as in praetsje oer ’t deiske bidriûw
en sims der twisken yn de hânslach fen in pear hânnelsljue, om in keap
to bisegeljen ef it fûterjen fen in âld wyfke, dy hjar koerke mei
aeijen al to folle yn ’e knipe rekke.

Ljouwert lei nou foar hjar as in moaije, kleurde print, yn ’e kreaze en
kantige list fen syn bolwirk. It sinneljocht fen ’e kommende dei skynde
op ’e hege trapgeveltsjes, opsierd mei fleurige figuerkes fen
Bentheimer stien, op ’e lytse, griengruzige rútsjes, dy-t boppe de read
en giel farwe lûkjes útglimken en yn ’e fierte makke de spitse Nijetoer
him stadich los út ’e moarnsnevels en song mei syn spylklokjes de berte
fen ’e ûren op dizze moaije dei. Yn ’e brede stêdsgreft hâldde alles yn
stille feart op it hert fen ’e sted oan, it hert, det yn nea-sêdzjende
bigearte altyd alweroan nij frisk bloed frege for syn hongerich,
hastich droktmelibben.... fearskippen wierne it, fiskersaken, lytse
roeiboatsjes en swierladene frachtpreammen fol fé, alles glûpte ûnder
’e wetterpoarte troch en wrotte kringende wei yn ’e wetterrillen fen ’e
binnestêd op.

De Friezen koene greatsk op hjar haedsted wêze, in mennichte fen
adelike huzen lei binnen hjar mûrren, ûnder hjar biwenners telde hja
mear as ien, hwaens namme klonk as in klok en wolfeart en rykdom blonk
yen tomjitte, hwer min ek seach.

Foppe Lieûwes wie mismoedich en mirk der net folle fen, hy roan yn ’e
stúdzje wei de Bier-Kelders lâns nei de plûmker ta, bidrukt en it herte
biswierd. Hy hie de gelegenheit to baet nimme wold en prate ûnderweis
mei Rindert Bienses oer wichtiger dingen—mar Melle Jans, dy oandrager,
wie hjar aloan op hakken en teannen nei en nou ’t hy him net ris
útprate kind hie, biswierde alles him namstomear.

Sa ’s der by simmerdei in wolkje opkomme kin fen in hânpalm greatte en
stadich, stadich groeit ta in tongerbui, dy-t de risping fen in jier en
tûzenen hânnen togniddet yn syn kâlde heilfûsten, sá seach Foppe
Lieûwes en in hopen wolmienenden mei him ek in wolkje stean oan ’e
loftein. In wûnder wie ’t, goud ûnthjitte it for de earmen en rjucht
for de fordrukten en grif draeide it wer út op skeel ûnder inoar, stryd
fen man tsjin man en.... dead! O as de hertstochten ienris los fen ’t
ket binne, hwer is den de sterkwillige, dy-t se wer mei izeren hân laet
yn biwende paden?

’t Bisette syn boarst as in nachtmerje, hy wie bliid det ’r de
Heechstriette yn gean koe en hearre it koperen boerd rinkeljen, hwer de
„Plôke Petrys” op úthinge.

Allerhânne soarte fen fûgelgûd lei op ’e stiennen flier fen ’t foarhús
en in opslûpen jonge siet loaiwei op in skammeltsje en treau in pûdde
fol mei donzige goezzeplûm.

„Hwer ’s de baes?” frege Foppe Lieûwes moi koart. „Yn ’t efterhûs. Der
’s bisite,” gniisde de jonge. Foppe Lieûwes, opljeppen fen aerd, waerde
it bloed hjit. „Wolst in lawibes ha, det de earen dy piipje?”

„Kin ik det nou helpe?” krimmeneare de jonge. „De baes hat bisite, dy
’s fen ’e moarn al ier-en-bitiid kaera mei in ekstra post. Ik sit hjir
net to ligen.”

„En hwer ’s keapmanske den?”

„Ek yn ’t efterhûs,” wie ’t andert. „Gean der mar hinne, mar de âlde
hat de divel yn....”

„Ho det sa?”

„Ea nou, it rint hjir de hiele dei fen hege hearen en fen ’e moarn om
fiif ûre siet se al to kofjemeallen, sa ’n gearset wie der yn ’t
peikeammerke. En ’t fjûr moast oan en de kjersen op.”

Mar Foppe Lieûwes hearde it net mear. Earst roan ’r ’t smelle gongkje
lâns neist de peikeamer, do oer in binneplaets mei moaije blommen, der
de sinne ta ’n yn skynde troch in gloppe yn ’t Nau en einliks kaem ’r
yn ’t efterhûs tolânne, hwer in barchje gnoarre en in keppeltsje
kalkoenepiken omfloddere. It wie hjir sa tsjuster det, hy moast by de
dampe mûrre lâns taeste, om ’t paed to finen, krekt sa lang, det hy lûd
hearde. Hy wist wol, hjir wie de koken en de baes ornaris to finen, as
der wer ris in greateljues miel oanrjuchte wirde scoe.

De kokendoar fleach op, mar der wie gjin Berdeau to sjen, wol it
skjinne draeispit en ’e tinnene petieljen en ’e greate blaukleurde
potten mei fjûrwoartel. Berdeau hie nou sikersonk oare dingen om hâns,
mar as dy better wierne?

Op ’e taest knoffele Foppe Lieûwes it gongkje wer lâns en scoe him erút
jaen, do hearde ’r ynienen lûd praten. It hert stie him hast stil, hwet
waerde hjir yn ’t tsjuster bikûpe? Hy wist wol, efter de peikeamer wie
noch sa ’n soarte fen sliepfortrek, hielendal yn ’t hûs bitimmere, der
pielde Berdeau winters wol mei ’t opstopjen fen fûgels en ’t touwen fen
fellen.

„Dos dy beide knapen hâlde it noch mei Oranje?” hearde hy Berdeau
sizzen.

„Net to bilêzen!” kraeide in heech lûd nou. „Sokken wirde ús forderf,
siz ik. Binammen dy âld rot fen ’t Wytfean, dy lit him ljeaver forsûpe,
dy ’s alderdierberste kanarjegiel.” Det’s Melle Jans, tocht Foppe
Lieûwes ynienen.

„Is dy net to bikeapjen? Bied jild,” rette in frjemd, swier lûd. „Dy
kearel is der ommers de man yn ’t doarp, kin mei de pinne omgean, hat
ynfloed en gesach, sokken moatte wy hawwe, den komt it oare folk
fensels. ’t Bistevigt ús ynfloed net in bytsje. En as den de Frânsken
komme....

„Siz ljeaver, hja binn’ der al,” hearde hy Berdeau hwet sêfter sizzen.
„’k Ha tynge....”

„Fen hwa?” skreauwden se allebeide tagelyk.

Foppe Lieûwes stie himsels al hwet yn ’e wei, mar foartgean, ei jonge
né, hy makke him lyts yn in ynspronkje fen ’e gong en hâldde de syken
yn.

„Stil! still” wie ’t andert, „de mûrren ha earen. Us Frânsken tromje it
leger al by-inoar. Hjir ha ’k it brief fen mr. fen der Burg—lêz sels
mar.”

In setsje wie alles stil.... Foppe Lieûwes doarst him net forwege en
stie him suver sear tsjin ’e post oan fen ’e doar.

„Ast nou mar winterje wol, den scill’ se it folk hjir gau opsitten
leare. Fearten en wegen hird en ’t foarútsicht op in fet winterkertier,
den makket in leger lange dagen. Tweintich jier forbanning yn ’89,
skriûwt fen der Burg, it kin nou wol ris ynkoart wirde. Jimm’ kenne
him, hy scil syn fordrukkers wol knoeije, as hy se nou ris yn ’e
bisnijing kriget.”

Do waerde alles ynienen wer stil en Foppe-om makke, det ’r fen ruten
kaem, sette de koer mei einefûgels yn ’t foarhûs del en sei tsjin de
jonge, hy kaem de middeis wol wer, de baes wie net to biroppen.

De jonge gniisde hwet en smiet him yn ’t foartgean mei goezzeplûm, det
de fearkes bleauwne him hingjen oan ’t âld kammisoal. En sa hird as syn
âlde foetten him mar drage koene, roan hy nou twisken ’t folk troch,
det hjir en der gearhokke om in jeneveroaljekoop ef in print útlizzer,
dy-t reade bloedrige printen sjen liet fen ’e Frânske revolúzje, de
holle fen in moai fromminsk[3] op in stôk ef de kening[4] ûnder de
guillotine en ’t alles biwiisde mei in stokje. In pear gasthúswyfkes
stiene hielendal foaroan en fielden kwanskwiis ris op ’e printen om, as
’t ek wirklik wier bloed wie, hwer de printen sa read fen wierne. It
foel hjar danich ôf.

 [3] Marie Antoinette, ûntholle yn 1793.

 [4] Lodewyk de Sechstjinde, ek ûntholle yn 1793.

„Apekoal, hor!” sei d’iene. „Dou muste soa mar denke, dat suge se
allegar so mar út ’e dúmme der yn dy godloaze steden, wie súdde syn
evenmins nou na ’t leven staan en to minsen soa ’n jong frommins niet
met soa ’n aerdich mutske op.” En do sloften se foart.

Foppe Lieûwes waerde ynienen sa foarheftich oan ’e mouwe lutsen, det hy
bleau stean en seach pûnnich om him hinne. In gnap jongkearel stie foar
him, wol in holle greater as hy, de pet skean op ’t ear en o griis fen
’e djûre tiiden! de pipe gleon oan. „Soa Anders, bistû der. Kom mar
mei,” hjitte Foppe him en skoude him foar him út ta de brede gong yn
fen ’t weardshús „de Falk”, de greate harbarge oan ’e Wirdummer-dyk.

„Sjoch dû ris, ast Rindert Bienses en Wibe Lubberts ek fine kinst yn ’e
jachtweide. Miskien is der ek in lyts, reafallich mantsje by mei gouden
knopen ûnder de hals—lit dy ek mar meikomme. Siz, ik ha great nijs.
Treurich nijs, jonge.”

„Hearink omke,” sei dy al yn ’e doar. „Foart nou”, trune dy him oan.
„Sjoch, detst se fynst,” en stadich yn ’e stúdzje wei joech ’r him nei
it opkeammerke ta op ’e ein fen ’e gong, der hy de kaei fen krige hie
for in goed dofke en der ’r syn brogge opiit en syn bier dronk, mar
ho-t it smakke, hy wist it net, sa pakte ’r mei syn soargen om.

Yn ’e jachtweide wie ’t libben en drok. Der lei glâns op ’e measte ljue
hjar antlit, de foarútgeande tiiden makken de minsken moediger en jouns
kamen se ornaris mei in swiere pong wer thús. En det jowt in bliid sin.
Yn ’e iene hoeke hiene de siedkeapljue hjar fest plak en der krong
Anders foartdaedlik hinne, de eagen opskerpe, by lange banken en tafels
lâns en hiele kloften lûdpratende minsken. Mar it dûrre gâns in set,
eart hy dochs noch de sochte man yn ’t fesier krige.

Der sieten koumelkers út ’e Hommerts en fen Toppenhuzen, dy-t nou mei
in bûs fol sulver danige mounich waerden en rûzje sochten mei
Earnewâldtster ielfiskers, bonkige kearels mei hege wetterlearzens oan
en in boskje ielshûden for slaeijen oer ’t skouder; yn in herntsje
mûskoppen in pear rike, mar moi deune loaijers mei in lyts
ikeskyldersbaeske, dy-t by de Wikeler bosken thúshearde oer ’e lêste
stûren en dertwisken yn prizen de joaden mei in heech noaslûd hjar
negoazje oan: cachemiren en bûntsidene doeken for ’e frouljue, knipkes
mei kralene taskes, hinniptou, spikers, hazzesprongen, nije helters,
pipekoppen, folle en net genôch, hwet se bêst slite koene oan ’e ljue,
dy-t sims by ’t winter yn gjin wiken ef moannen fen ’t hiem kamen.
Einliks foun Anders syn man, heal forside efter de brede rêch fen in
Bolsweter jeneverstoker en drok oan ’t hantsjeklappen oer in lêst
rogge. In lyts mantsje siet neist him, det scoe Hindrik Piters wol wêze
en foar him oer dodde Wibe Lubberts al foar syn krûke mei bier en
hearde neat mear fen ’e droktme om him hinne, fen ’t roppen en razen
fen ’e joaden en ’t skjirjen fen ’e swiersoale skoen oer ’e estrikkene
flier en fen ’e boatsman, dy-t it reisfeardich-wêzen fen ’e snikken
ôfrôp.

„Rindert Bienses!” rôp Anders yn ’t folle gelach wei, omt der gjin
trochkommens-ein oan wie. „Ik kom,” sei dy en socht syn pûdtsjes by
inoar.

Efkes letter sieten se mei hjar fiven yn ’t opkeammerke en harken raer
op, do-t Foppe Lieûwes hjar fortelde, hwet ’r nys ansens wys waen wie.
De pipen rekken derby út en ’t bier op, allinne Anders, de jongste fen
’t omsittend laech, dy hie net folle to keap en pluze stilwei syn stik
koeke op, echte Dimter keallepoat fen Bramme Esther hjar diske op ’e
Nijested.

Syn jonkheit biwarre him noch for de swiersettigens dy-t Foppe-om en
Rindert al binaud makke foar de tiid. ’t Is wier, hja hiene der in
foarproefke fen sjoen yn 1787, ho-t in ding fen neat, s’ as ’t
ûndernimmen fen in reis fen ’e Stedhâlder syn wiif einliks op ’e keper
biskôge wie, útrinne koe op onbirekkenber ûnk en skea, mar do wie hy
noch mar in great jonge en wist allinne by oerlevering, ho-t it der
heil om seil oan wei gien wie to Frentsjer. En allinne, hwet min sjocht
mei eigen eagen en fielt yn ’t eigen hert, det barnt syn mark yn it
oantinken. Hwet kin ’t in great jonge fen trettsjin jier skille, as der
wer ris ien gisele waerd’ to Ljouwert ef in brânmark krige op ’e
foarholle. Det barde sa faken, al âld nijs. Hja boarten ljeaver roverke
op ’e singel en sloegen mei heite âlde houwdegen om en sochten de fijan
fen hjar berneforbylding efter de âlde stobben by de greft. Nou wie hy
ien-en-tweintich en fen it hiele petear hage him einliks allinne mar it
frjemde, aventúrlike fen ’t gefal, de lytse kâns op hwet nijs fen
fjirrens, det him ôfspylje scoe yn syn lytse wrâld. Syn hert socht nou
ienkear it wûndere, it bjusterbaerlike.

„Dû bist sa stil det. Sitst altomets om in sib fryster to tinken?”
pleage Rindert Bienses him.

„Net, det ’k wit,” andere hy en seach him onforfeard oan mei syn dryste
brune eagen. „’t Kin altyd noch, sei de wever en hy troude yn syn ien-
en sauntichst”.

D’oaren laken, Foppe-om seach stoef. ’t Sin stie him net nei maljeijen
hjoed. En Anders scoe better dwaen en hâlde him mar ris oan ien famke,
as altyd det omgeflinterknip sa’n hiele winter, den der ris in reis ef
hwet hinne en den der ris. Hy wist it net, mar allinne de sensatie fen
det nije hage Anders, net it wezen fen ’e saek sels. It gean nei det
frjemde doarp, nije onbikende wegen lâns, it kommen yn it frjemde hûs
by oare minsken, dy-t wer oars praettene en diene as by hjar thuses, it
opsitten mei de frjemde faem, de dei fen tofoaren noch fen lûd selst
onbikend. Det dûrre den sa ’n kear twa, trije, den wist ’r, den koelle
syn forlangst. It wie biwend.... en der lei it fonnis al yn for ’t
fanke. Hy kaem noch ienris.... sims twaris, as de toeback goed wie, den
easke syn wif sin twingerich hwet oars, hwet nijs en det suver sa fel,
det hy bigoan it earste to haten. De sensatie wie bilibbe.... en
kâld-wei streke hy ’t wer út yn syn ûnthâld.

Ta boer doochde ’r net en hânwirksman, det woe syn mem net lije; foet
ûnder allemanstafel, scoe ’r der for greatmakke wêze? Saundersum sieten
se by Eadske’s to Twizel om ’e tafel, fiif famkes en ien jonge en den
Eadske fensels en widdousbidriûw is ornaris gjin jildwinning en hy
goezzejage en fiske en markeroan ljeaver, as det ’r de hân oan ’e
ploechstirt sette ef ’e flalje op ’e telle klappe liet. Hielendal for
pop opbrocht wie ’r, it lytse neikommelingkje, it jongkje, der de fiif
sisterkes om hinne sprongen as in wûnder, do-t ’r yn syn widzke kaem to
lizzen en nou waerde ’r mounich en spriek op for mastersfeint en
postuerde him, krekt as wie de hiele wrâld in doedelsek hy de floiter.
De earen scoene him noch wol ris raer bikôge wirde, der doarst Foppe-om
wol in eed op dwaen.

To Eastermar hie hy ek al ris in fryster hawn. It wie in skûtmakkers
dochter, in kant en kwier ding mei in holtsje sa fyn en in mûltsje sa
lyts, det Foppe-om syn âlde eagen, dy hiene der noch in forlustinge
oan. Mar det bisloech ek wer mei in stiltme, ’t forfeelde him al mei
trije kear. Mar hwet hjir nou hjoed bipraet waerde, det wie wer nijs.
En nou harke ’r dochs, in nije seilstien loek him, hwet hiel
seldsums.... Strideraezje, fjuchtsjen, de oarder fen ’e wrâld omkeard
en út dy greate broutsjettel nijs, altyd wer nijs! hwer ’r sa nei
langhalze!

Einliks rekken de oaren útpraet, sûnder det se hwet oars biwirkstellige
hiene mei inoar as hjitte hollen oproan en hast noch spul ta, omt Foppe
Lieûwes dy woe ha, Rindert Bienses as in geseten man, dy-t mei heech en
leech omgean koe, scoe nei minhear Ripperda’s tagean en fortelle, hwet
hja hjoed heard hiene. En Rindert Bienses wynde him derút en sei, det
wie nou krekt in affysje for Foppe-om.

Dy helle einliks de riemmen fen syn platte skoen noch ris hwet fêster
oan, sloech de goezzeplûm fen ’e jas, iit der noch hwet moed yn troch
in stútsje mei woarst en joech him do moi rimpen ôf. De sinne stie noch
heech, mar hjerstdagen bidrage yen en hy hie noch in goed fiif ûre
rinnen nei hûs. De oaren scoene op him wachtsje by Jan Swel, de
fédriûwer, dy wenne yn ien fen ’e bolwirkshúskes, dy-t tsjin ’t bolwirk
oanhingje as lytse bern tsjin in greate sterke heit, hwer se nacht en
dei fen hoede wirde.

It wie nou al gâns stilder op ’e Nijested en by de bûterwaech as in ûre
ef hwet lyn. De lêste skippen farden foart.... in gloednije faeitonne
mei twa kostlike hynsders der foar en in pear rike Bildtboeren, drok
swetsende ûnder ’e oaljelinnene kappe, der yn, jage noch de striette
lâns, det de glêzen dinderen, mar alles joech him oars al wer mear nei
’t deisk bisleur. De lytse bern bigoanen wer bûtedoar to boartsjen en
in greate reade hoanne glûpte lokjende ta in steechje út en rôp de
hinnen, earne yn in fier hinneloopke. Foppe-om seach det allegear, wylt
’r mei syn tinsen by hiele oare dingen toeve en sa draeide ’r moi
rimpen de Tsjerkstriette yn.

Hwa gyngen der foar him út? It like wrachtsjis de jonker wol! Krekt
sa’n postuer, de brede, rjuchte skouders, de manlike, deftige gong en
den de uniform fen ’t peerdefolk. In âldeftich man roan oan syn
rjuchterkant. ’t Wie âlde minheare Ripperda net, hwent dy wie wol in
holle greater en hie ek noait sa’n nuver model jas oan, der de pânnen
hast fen op ’e hakken hingen. Hea, hwet trof dit nou wer mâl! as ’t op
’t slimst bisloech, seach de jonker him en wonk! wonk! en det scoe him
nou optheden neat sinnigje, hwent syn holle stie him net nei ôfwaeide
praetsjes en babbelegûchjes. Mar fensels, de pankoek glied wol sa raer
út ’e panne, as ’r tocht hie.

In stap ef hwet fjirder bleauwne se stean en kamen stadich werom. De
jonker krige him al ringen, mocht ’r him ek noch sa lyts dûke tsjin de
útspringende doarpost fen in koperslaggerswinkeltsje oan, yn ’t fesier
en wonk frjeonlik fen fierrens. Foppe-om gyng nou op him ta en tikke
efkes mei de finger tsjin de rânne fen syn breedskadich hoedtsje oan.

„Nou, dy kin ek wol ris alhielendal ôf, net?” sei de jonker syn maet út
’e hichte.

„Det doch ’k allinne yn tsjerke for ús Ljeaven Hear, mar net for jou en
tominsen net út twang,” sei Foppe-om, wylt it bloed him ynienen hjit
waerde.

„Hui, hui, Foppe-om, hwet in min sin! Minheare de Witt mient it net sa
mâl, mar wol in stêdske groet”, bihimmele jonker Ripperda de kwesje.

Foppe-om bromde hwet en gyng op in distânzje de hearen efternei en der
foel him in stien fen ’t hert, do-t dy greatske âld kearel by de jonker
wei gyng.

De jonker seach om, en wonk him, de stap ef hwet nei syn hûs togearre
to gean. Det wie sêfte balsem op ’e woune, hjar gemienens en
frjeonlikens wie ’t, det de femylje Ripperda sa ’n heech oansjen joech
yn sted en doarp, by heech en leech. En as ’t wêze moast, scoe Foppe-om
for Regnerus Ripperda en syn soan Ryklef wol troch ’t fjûr fleane wolle
en in hopen mei him.

Hja praettene hwet oer ditten en detten, mar Ryklef fornaem wol, der
siet Foppe-om hwet tige dwars. Licht in minne hânnel en woe ’r in sint
mennich liene! Nou, heit liende ek wol ris fen him, as de lânhieren net
ris op ’e tiid kamen ef ien fen de troude bern yn ’e jildkrapte siet.
Do-t ’r der mei in kwinkslach ris kwanskwiis nei pinfiske, skodholle
Foppe-om mei in bitterswiet glimke. Né, de oast siet folle djipper.

Alderwenst woe Foppe-om ta in syddoar ynslûpe, hwet ’r ornaris diich,
as ’r boadskip hie by Ripperda’s, trou Oranje as hy, mar Ryklef stie al
op ’e stoepe en dy noade him foaren yn. De skoen kamen út en
hoazfoetling roan ’r syn foarman efternei, wiide gongen lâns, hege
treppen op en einliks yn ’e stedearkeamer fen Regnerus Ripperda, lid
fen den Hove fen Fryslân ensafoarthinne, en der waerde ’r op syn
âldfrysk sá ûntfongen, det Foppe-om rekke alhiel wer op syn dré en
fielde ’r him sa thús, as wie ’r yn syn eigen hûs op ’t Wytfean. Mar de
tynge sels! Ripperda bisoude! Koe det wier wêze! hjir Frânsken
yntkoart, de fijan ynhelje! It Trojaenske hynsder! Wierne de minsken
den blyn! roanen se sjendereagen yn ’t forderf? En hy stapte de keamer
op en del as in âld dragonder en ’e reek, mei lange halen út syn piip
lutsen, waeide suver as in wolken ta ’t iepen finster út.

Ryklef stie der stil by.... syn eagen skitteren! As in jong hynsder
roek ’r de stryd en dy scoe ’r oandoare. Hwa, ek jong, net as hy? For
in man yn’e fleur, is stryd oerwinning ommers!

Hja tochten alle trije, guont ljue scoene der bliid ta wêze, as hja it
hearden—der binne altyd minsken, dy-t noait in plak fine, hwer hja thús
binne en likemin in regear, hwer hja hjar ûnder deljaen wolle. Der kaem
by, der siet noch âld sear út ’e Frentsjerter dagen. Det wierne hja, dy
hjar sibben ef frjeonen foartjage wierne dodestiids ef nou einliks
loskamen út ’e finzenis, hwer se jierren bikomme kind hiene fen in ûre
hjitholligens. En dy klagen en wrokken om ’t hirdst, fensels. Hja
skreauwne brieven út ’e frjemdte, wist Ripperda to fortellen en fjurren
fol izegrinegens en onwennigens hjar folk yn Fryslân tsjin ’t regear
op, det hjar fen ’t âlderlik steed fordreauwn, yn earmoed sitte litten
en omtoarkje litten hie as heidens. Det der in hopen eigen skild by
wie, forswijden se fensels. Nou roanen se yn ’e frjemdte tige wei mei
de gloarjetiid, sa’s dy nou yn Frankryk dage, heech joegen se op fen ’e
frijheit fen dwaen en litten derre, de gelikens fen alle stânnen en’e
broarrige sin, dy-t alle Frânsken forboun, bihearske fen det iene,
oerweldige, de macht fen it folk, ja! de folkswil yn syn heftigste
útering. As hja soks skreauwne, dânse de goezzefearrene pinne op ’t
pompier! Kaem ea in ideael sa tichte by syn wirklikheit? Det forgeaten
hja, om der by to sizzen, ho-t dizze lokssteat alle dagen alweroan koft
waerde mei moard, bloed, triennen. Greate slompen jild, roofd, brânskat
en forbeurd-forklearre fen ’e geseten ljue, dy-t, as se forstânnich
wierne en yet foartkomme koene, fluchten ef as se tofolle bitrouwen yn
minskewird en ûnthjit stelden, hjar libben yn hânnen joegen fen in
oermacht, dy-t hjar tognidde as in stik boartersgûd, det min ba is. En
’e Friezen mei hjar wûndere suchtme nei alles, hwet frjemd en nij is,
woe sa’n nije wrâldoarder ek wol oan, freze Ripperda. Mennichien, tûk
op wraek, hope op help fen ’e Frânsken, om syn fijannen mak to krijen,
guont langhalzen al nei de fette posjes, dy-t der grif oansitte scoene
en inkelen, de bêsten, de ljue mei trochsicht, tochten grif, det it
scoe wol ris goed wêze, as Fryslân hwet yn ’e knipe rekke. Den hâldde
alle skeel yn tsjerke en riedseal ris op en bigoan min it wer sa
inerlik to fielen, ien folk mei-inoar to wêzen, ien bilang, ien doel to
habben. It wierne de ljue fen ’t mindertal en hjar tal wol lyts, mar
hjar soarte eal.

Ripperda ornearre, ’t scoe goed wêze, dy joune alle Oranjeljue fen syn
kinders to noegjen, om hjar dizze saek kenber to meitsjen en Foppe
Lieûwes ûnthjitte, eart de moanne fol wie, scoe master Marten Joukes
fen Driesum it witte, Joege Innes en Klaes Schotmans fen Boerum, Jan
Jelkes út ’e Koaten, Gerben Bats fen Optwizel en Jan Binnes fen
Aldwâld. Hy scoe der him ta follédigje en smite it tek op d’âld merje
en ride derhinne.

Hwette moediger kaem ’r de middei’s wer by syn kammeraten en ringen
joegen hja hjar nou ôf. Hja hiene gjin hael mear yn dy greate sted,
hwer ’t binaud sykheljen wie for hjar longen, wend oan ’e frissens fen
it boerehiem, hwer de wyn oerhinne strykt as libbensamme selme en ’e
eigenerfde de wissens fen syn bisit biwoartele wit yn wetten en
jestalen, hwer nin minske de hânnen oanslaen doar en foroarje dy, as hy
knoeit it inerlikste rjuchtsgefoel fen tûzenen.

Foppe Lieûwes sei net folle, syn soargen binearen him. Rindert Bienses
hâldde it praet deryn.... ’t flaeks waerde sa djûr det en hy hie in
aerdich boppeslachje dien, as det sa trochgyng, wie ’r yn in jier twa,
trije in ryk man.

Anders, fluch jongkearel, droech de pypkoer for Foppe-om, dy-t al lang
it jild for syn einefûgels yn ’e bûs rinkele, tateld fen keapmanske
Berdeau en do syn pypkoer folloeije litten hie mei alles, hwet yen
nuttich en nedich wêze kin by ’t winter, fetkjersen, in nije pipe, in
plûm for ’t belslidehynsder, in pear waerme wanten, in hynsteteam, in
skoenhoarntsje en in prachtige snufdoaze en der stie dit rym yn:

    „Al ben ’k tot spot, al ben ’k tot hoon,
    Ik zeg: Oranjen houdt zijn kroon!
    Een boom is ’t, die te groeien staat,
    Waar men wel menig tak afslaat,
    Maar hoe men knot en kerft en snoeit
    d’ Oranjeboom nog eeuwen bloeit!”

Krekt as wie ’t glêspeslein, sa foarsichtich namen de frjeonen hjar yn
hânnen en harken, hwet Foppe-om der by fortelde, hokker rym as der yn
stie, hwent Hindrik Piters en Anders koene mar in bytsje lêze. It
bigrutte Foppe-om al hwet om it skoane jild, mar och! moat in minske ek
net ris hwet ha for fordiwedaezje?

For syn nifte Wolmoet koft ’r dizze reis in moai boek, de dichten fen
Cats, gnap yn in bargelearene bân, dy-t der daedlik net yn fodden en
flarden by hinge en in greate letterdoek mei side en sajetwolle, der
woe se fen ’t winter de „Flucht nei Egypten” op binaeije. Det wie al
wer in hiele taest yn ’e pong, wûnder.... det al sokke frouljues
snypsnaren sa prizich wierne, hie ’r tocht, do-t ’r breed en stiif sa
’n snjitterich jifferke út ’e winkel it jild tatelde.

In pear fioelesnaren diich ’r ek noch op en in doaskefol fen de djûrste
saffraen út ’t apteek. Sa útrist kin selst in iensum âldfeint fen ’t
Wytfean de langste winter wol trochkomme.

It selskip bilytse sa stadich-oan en einliks bleauwne Foppe-om en
Anders mar oer en in eintsje ’t Swartkrús foarby, seine dy inoar ek
goe-dei, en gyngen elts syn wegen, Anders de hearre-wei nei Optwizel en
Foppe-om draeide det op nei de Eastemarder kant.

Hy bleau efkes stean en wiske him it swit fen ’e foarholle. It wie
suver noch soel, in wûndermoaije dei mei blaue loft en sinneskyn. In
lichtfoettich koeltsje út it Westen kuiere oer ’e beamkrunen, roerde se
hast net iens, mar de wyndroege beanen rattelen der dochs fen yn ’e
stûken. De wynsels om ’e elzenbeammen bigoanen to forkleurjen, de hoppe
liet los en in inkelde betide nachtfroast hie al mei klûmske hânnen yn
’e krún fen in kastanjebeam omtept, de kleare blaue hjerstloft skimere
der by steden troch. Hwet spinrêgen waeiden oer in blikke en bleauwne
yn ’e hulstehage hingjen, der oan ’e skaedskant noch de dauwe op ’e
bledden omkrale.

It kalme, rêstige fen dizze neisimmermiddei, it bisonkene neinocht nei
it heechskûmjende geniet—de goederjowskens fen ’e rynske hjersthân,
dy-t sels de hearlikheit fen alle kanten tafloeid is, de pracht, de
rêst fen dizze sinnige dei krige fat op him. Nou forsette syn soun
forstân him tsjin it wicht fen ’e soargen, dy-t as hongerige wolven op
him ynstoarmen. It kaem den mar, sa ’s ’t kaem, der scoe Wolmoet net in
hier op ’e holle krinkt wirde en hy bleau Oranjeman, sa lang as syn âld
hert noch tikke, sa lang as syn longen noch fen ’e syken tynden en
slonken.

Hwa wit, bisloech alles noch wol mei in stiltme.

Op itselde stuit gyng hja, der hy hast as in heit oer wie, de sânwei
del fen ’t Bouwekleaster nei de Ham. Sa nou en den rûze de wyn ris mei
in rukje troch de beammen en liet hjar swartsiden skelk hwet toside
útwaeije. De skerpe geur fen ’e bleate stoppel kaem fen ’e Stiensgea’er
kant, mingd mei dy fen rypjende rûkapels yn âlde hôven, smûk wei efter
mantlings fen krûmwaeide elzen.

Wobbe, de feint, wie dwaende om ’e Geast to ploeijen, it hege stik lân,
det de bêste rogge jowt fen ’e hiele Ham. Yn ’e beammen op ’e dyk
loerden ’e roeken en in pear drysten namen de guit en folgen it
ploege-paed. Wobbe hâldde de brunen yn en seach de frou, fyn bihindich
jongfaem, efter de hage weiwirden. Det moast de boer noch ris sjen
kinne, det se great is, suchte ’r. Mar de boer en de frou, dy seagen it
net mear dy hie al lang de swiere klok fen ’t kleasterklokhús bilet en
yn ’e teare hantsjes fen hjar famke wie it regear lei oer huzen en
lânnen, det hja waerde de rykste út ’e gritenij.

Sjoch, der stie Jan-om by de hage. Wolmoet sette de rêch rjucht.

„Soa, hwer moat det wer hinne to draeijen?” rôp hy al fen fierrens en
seach as in fiaen.

„Dei!” sei Wolmoet stoef en makke net ienris in praetsje.

„Det pyst, det sniggel, det ynfierene flarde”, bromde Jan-om nidich.
„Mar ik scil dy wol lyts krije! Myn earme Kinge sa ’n skande oan to
dwaen, him mei ien kear ôf to sâldzjen.” Hy koe der suver net fen
sliepe en wie nou alle frouljue skou.

Wolmoet roan moi stadich, yn echt geniet fen ’t moaije fen ’e joun. Der
kaem in fyn bloske op hjar wangen.... hjar eagen stiene as glêsheldere
eale-stiennen yn ’e moaije setting fen ’t mûtele antlit. Under ’t wyt
mûtske krolle in donker flokje hier wei, doch wie hja de blonde kant
neist mei hjar moi ljochte eachsbrauwen en ’t fynblanke fel, sa wyt,
det de wytkamerdoekse doek by ’t jak yn stiek der hast net iens by ôf.
Om ’e hals hie hja trije stringkjes fine gitsjes oan in great kantylje
gouden slot, oars neat.... hjar jonkheit wie hjar greatste pronk.

Jap-skroar siet mei de naeibern ûnder ’e linebeam to naeijen en hja
sei, it nije pakje lei al ré yn ’e keamer. It wie fen det kjirremjirre
gûd, wyt yn ’e groun mei blausidene rútsjes en der sieten den wer
swarte stipkes yn en Jap makke der in blausidene ûnderskelk by, der
kaem den de wytkanten oerhinne, den skynde det moai troch. Wolmoet,
alhiel yn ’t brat, stapte as in pauwke yn ’e keamer om en op ’e âld
forware spegel ta.

Jap sloech de krûmnaeide hânnen yn inoar. „Scoe min net swarre, jou
binn’ de breid!” rôp hja alhiel op ’t snjit, det it pakje as in bos om
’e feardige, kante lea slute. Sûnder, det hja ’t wiste, wierne hjar
wirden in profecij. De feint, dy-t for hjar yn ’e widze lei wie, hat
hjar for ’t earst hjir yn sjoen, en hja is yn ’t selde pakje de breid
waen.

„Sjesa,” sei Wolmoet en diich de pronk wer út, „hofolle krije jou nou
fen my?”

„Och hearink, der ha ’k noch net iens oer rekkene, ik tochte, det ’s
wol bitroud,” en hja socht in stikje kryt op en bigoan mei streekjes en
rountsjes op it lid fen ’t heakke-en-oesedoaske to skriûwen. In blomt
demasten pakje: trije goune op in kwartsje nei. In nij greinen skoart:
28 stûren.

In greate skoudermantel; baeijen foerring, 2 goune. Hwet lyts gûd: in
fijfje.

„Det ’s in hiele rekken,” sei ’t sloof en telde it trijeris oer. Hja
wie bliid, det hja jild seach. It wie sa’n minne tiid tsjinwirdich, de
ljue lieten net folle fortsjinje en bipongen alles sels.

„In pantsjefol kofje kin ’k jou net jaen,” sei hja wer, „det ’s for ús
ljue to djûr. Wy drinke mar hwet sûpe. Ik bin bang, wy kinn’ noch wol
ris slimme tiiden krije. Dy Frânsken stien ik net en jou? Nou, wy wenje
hjir yn ’e Ham, det leit net oan ’e hearrewei.”

Wolmoet glimke ris. „It giet Foppe-om krekt as jou,” sei hja. „Dy hat
de ridel fen bangens ek al yn ’e foetten en as hy wer ris nei Ljouwert
ta west hat, den sit him de moed yn ’e hakken en sjocht ’r oeral spûk.
Langlêsten hat hy ek wer hinne west, do makke dy Frentsjeter miich fen
ús, dy lange Ulbe, de holle him sa oerstjûr, det ik kin jou sizze, hy
kaem delsetten mei in âld goezzeroer ûnder ’e earm en in pûdde fol krûd
yn ’e bûs. Ik sei, hwet moat det, Foppe-om? en hy andere stoef, det
scilstû wol sjen, fanke. Nou, hy bleau dy nachts mar by ús, wy koene
him wol bêdzje en de oare deis.... stie Foppe-om al op ’e
efterhússtriette, ús feinten er omhinne en diich mei beverige hânnen
hwet babbelegûchjes mei ’t krûd, lei oan op ’e houtdouwen yn ’e ikebeam
en pof sei ’t en noch ris wer pof en einliks by de tredde kear der
tûmmele ien oansketten oer ’e finne. Do ha se mei-inoar ôfpraet, hja
scoene foartoan Sneintomoarns nei tsjerktiid by uzes komme efterhûs,
Lysbeth ’s Wynsen ek en Keimpe Kommerút, de biisjager scil hjar leare,”
en Wolmoet hjar heldere eagen, der lake de gutichheit yn.

Jap skodholle ris. „Us mem plichte to sizzen, yn Jintsje Jans boekje
stie biskreauwn fen oarlogen en de geruchten fen oarlogen en skynsels
oer ’e loft. Det hat grif de foartsjirmerij al west. Nou, as ’t op ’t
mâlst bislacht, den spylje ik fen ruten. To Earnewâld wennet in sister
fen my, dy ’s der troud oan in ielfisker.... der siket gjin minske my
op ’e rûmte.

Och Jap, ’t is hjar net om ús to dwaen,” treaste Wolmoet, „mar om ’e
hege hearen, dy ’t op ’t kjessen sitte. Dit heart sa yn ’e wrâld, hjoed
d’iene erop en dy draecht it moarn in oarenien efternei.”

En dy ’t it measte jild hat moat bliede,” sei Jap der op ta.

„Pas mar op, yn jou knipke sit optheden ek mear as in dûbbelstûr,”
pleage Wolmoet frjeonlik-wei, „en ik sei tsjin Lysbeth, dy triûwetsiis
der op ’t boerd moat der stean bliûwe for Jap en ek in poun opkoppe
bûter. Helje it mar ris.”

Jap scoe krekt mei in redefloed fen wirden bigjinne to bitankjen, do
klapte de ûnderdoar al ta en waerde de wiide rôk fen Wolmoet efter de
hage wei.

„O det goede bern!” flustere hja. „Det alle seine hjarres wêze meij!”

En stadich joech hja hjar wer nei de naeibern ta, dy-t sitten hiene to
luiterjen, det it hwet diich en yn ’e oarre wei to sjen, det út nei de
Hamster bûrren, der mennich rintenier op ’e stoepbanke foarhûs him
forlustige yn ’t moaije waer en mei earnst en bidachtsumheit de
Ljouwter krante trochnoaske en lies fen al de freeslikheden, dy-t der
yn Frankryk bidreauwn waerden, ho-t de minsken as keppels skiep nei de
guillotine jage en der slachte waerden, sims ien en tweintich tagelyk
(31 October 1793) en den wer in great oproer yn Parys ef in nij Frânsk
leger nei in frjemd lân ta to fechten. Mar út België wierne se ek wer
weijage. Der waerde wol fen gnute, hja scoene weromkomme en slagge hjar
slach, mar de krant liicht ornaris like folle as ’t almenak.... it scoe
wol tafalle. It wie allegearre sa fier ôf.... plakken, dy-t min op ’e
kaert net iens wist to finen.

Wolmoet wie al wer op reis nei hûs ta, hwet winkelgûd yn ’e hoeke fen
’e skelk, do bigoan de klok fen ’t Bouwekleasterklokhús to lieden. It
waerde al jounich oer ’t fjild, de sinne wie wei en in fine dauwe kaem
op. Yn ’t Westen wie de loft noch bloedread, as wie hja doopt yn ’e
kleur fen ’t keningspoarper, mar yn ’t Easten toraende de skerpe
beammestreek al yn fyngrys, det yn it bleke wolkenblau forfloeide. In
inkele stjer flikkere, der siet ek al in streekje fen ’e moanne en dy
slydjage.

—Hwet nachtfroast, tocht Wolmoet en seach ris nei de kleare loft,—de
blommen moatte yn, en hja helle hwet oan yn ’t rinnen. Sa roan hja
Wynsen efterop, dy scoe dy joune wol nei hjarres ta moatte, hwent syn
mem, dy wenne by hjar for húshâldster en hy tsjinne for greatfeint by
de boer.

„Joun Wynsen, scilst nei uzes ta?” frege se mei hjar sêft lûd.

„Der tocht ik al sa oer,” andere hy mei de eagen net fen hjar ôf, hwent
Wolmoet hjitte dodestiids de gnapste faem út ’e hiele omkrite en ryk ef
earm, ljeafde en forearing kenn’ gjin stânforskil. As bern hiene hja
mei-inoar boarte.... mar nou hja feint en faem wierne, wist hy ek, hwer
hy stie en det hage Wolmoet wûnder. ’t Wie in boppest bêste jonge, der
siet gjin koarel kwea yn.... hy sei wol net sa folle, mar der gyng wol
hwet yn him om. Hy koe âlderivichst moai snijwirk meitsje en útknipsels
mei de skjirre, der foreare hy Wolmoet en syn mem wol ris ien fen for
’t salmboek en yn ’t boerewirk, der foun hy syn gelikens net. d’ Ald
boer en frou, der hy by tsjinne, droegen him op ’e hânnen, hy wie der
suver it hertlapke, hwent dy ljue, dy hiene gjin bern en nou joegen se
him de ljeafde fen hjar hert moi ryklik. Mar al hie hy ’t der as rys
mei resinen, sa nou en den pandere hy yn syn greate fiterskoen nei de
pleats yn ’t kleaster ta nei memmes, den mocht hy sa ’n hiele joune by
Wolmoet hjar hird sitte en sjogge hjar omskrippen yn ’t jak mei de
koarte mouwen. Den grapjagen hja wol ris mei inoar en as hja him den
ris oanseach mei in loaits út dy blaue moaije eagen, den wie ’t krekt,
as foel der in sinnestriel yn syn hert en wie ’t der wer wiken oanien
simmer.

„Sjoch, is det Ulrich jeneveroaljekoop?” sei Wolmoet, dy-t mei hjar
skerpe eagen der wol in man foar hjar út op ’e wei omdwelmjen seach.
„Det scil ek wol op uzes ta moatte, tink ’k. Wy krije altyd noch
boarstkrûden fen him en gûd for kjeldrige hânnen.”

„Helpt it?” frege Wynsen.

„Ja, der moat in goed gelove by,” glimke hja. „Mar dy man is earm en hy
hat gjin thús en sa lang as ’t my heuge meij, komt hy by uzes. Wy ha ’t
den ek noch ris oer mem—ik ha se noait kend, hy seit, ik bin se net
wanlyk. En den is hy op ’e tekst fen syn lân en spilet fen dy moaije
sangen op ’e fluit.”

d’ Ald man stie oan ’e kant fen ’e wei en steunde op in tsjokke stok.
Syn lang wyt bird glinstere yn ljochtmoanne, syn antlit wie bleek en
forfallich. It scoe syn lêste reis wol wêze, foarsei syn hert him. In
goed sechstich jier hie hy nou omswalke yn ’e wrâld, fier út Poalen wei
en in hopen minsken holpen mei syn krûden en goede rie. Mar nou
bijoegen de âlde foetten hjar. Rêst hage him mids de woeling en
wraeming fen ’e wrâld, hjoed hjir yn onstjûr, moarn der. En ’t âld
Bouwekleaster like him altyd de skûlherne, hwer nimmen him saende noch
maende en moarns syn brochje ré stie en jouns syn kofje, krekt sa lang
as ’t him hage to bliûwen, sims wol in lyts wike. En as ’r den wer
gyng, foun ’r in pear woarsten yn syn knapsek en brea for in dei ef
hwet en ek altyd in stikmennich moaije apels.

Wolmoet en Wynsen kamen tichterby, mar d’ âld man roerde him noch net
fen ’t sté. Hy wie to ynein. De hiele dei syn waer útfeilje twisken ’t
wykmerke-folk, ’t wie in hiele hys, mar ’t gyng noch. En de deihier
makket ommers it wirk swiet. Mar sokke einen rinne as fen Ljouwert nou
noch nei ’t Bouwekleaster en allinne it eintsje fen Ljouwert oan
Hirdegeryp ta yn ’e bolderwein fen Douwe moalker, it waerde him to
stoef. Mei noft tocht ’r om syn smûk hoekje yn ’t nije hea en ’t
smaeklik brochje, him sa fol ljeafde gind en do-t de jonge minsken him
op ’e side kamen en frjeonlik mei him fûsken, diich ’r alle war, om mei
lyk-op to rinnen. Mar it dûrre al net sa bare lang, do sei Wolmoet
soarchsum: „Rinne wy ek to hird? To Wynsen, krij Ulrich syn kistje ris
efkes oan, ik meij ’t net ha, det hy ek noch mei dit swiere ding
omtôgje moat.”

Wynsen spraette de earms út, krekt as moast der in fet baerch twisken.
Hy hie net folle aerdigheit oan det poepekistje, hwa wit, hwet der yn
siet, mar hy liet Ulrich betien en dy skoude it him ûnder de earm en
lei him ’t seel oer ’t skouder.

Sa lânnen hja mei hjar trijen skean oer ’t lân by de pleats oan, dy-t
der as in eilân mei syn skûrren en beammen út in sé fen neisimmerdauwe
wei tynde. Alde Stabij strúnde noch om hûs en hear, dy sloech oan, do-t
hy folk fornaem en kaem giselstirtsjend op hjar ta en de ûlen
skermesearen by de ûlebûrden om. For de flearmûzen en hja bigoan nou
earst de moaije, lange dei.

It wie in kostlik bisit, dy pleats. Wynsen seach it en hy takseare it
kaptael, fen dy-t dit syn eigen neame mocht en do suchte hy. Sa jong en
nou al de frou—tocht ’r en do tocht ’r noch hwet oars, mar dy
heimnisse, der hat noait in sterfling weet fen hawn.

Ulrich de jeneveroaljekoop, syn âlde eagen waerden ek net warrich fen
’t sjen,’do-t dy pleats, hwer hy ek sa thús wie, him as in blinkjende
skat út ’e tiis fen ’e joundauwe losmakke en nou heech boppe de greiden
útstike. Hwet in bisit! hwet in rekkenskip for de greate Dei! tocht hy
en hy sloech in krús, hwent hy wie Roomsk.

En Wolmoet? Njuggentsjin jier wie hja en de hân, dy-t dit jong
wesentsje liede moatten hie, wie stiif en it each, det oer hjar hearde
to weitsjen wie brutsen en nou dreame hja hiele wûndre dreamen....

En wachte op ’e greate ljeafde....




III.


Falentijn, de lekkenwever, hâldde fen stiltme en dy socht ’r alle dagen
alweroan op in wûnderlike menear. Om middei hinne waerde ’r stil wei,
diich hiel foarsichtich de trap-doar op en bigoan him stadich by de
treden op to hisen. Achttsjin wierne ’r, it biderf for de snuten fen
syn lettere pantoffels. Den kaem de souder, der legere syn bisit op
brede planken mei grien saeijene gerdinen derfoar. It hâldde net wer
op, planke oan planke, bêste ikene steunders derûnder. It roek ’r fen
skerpe farwstoffen, fen lekken en nije wolle en ’t meast noch fen
kamfer en toeback. Alle dagen, as François Falentijn sa fier wie,
snúfde ’r mei nocht de frjemde geuren op, as in alderfynst snúfke. Hja
hearden by syn libben as de séwyn by de fiskersman en de krûderige geur
fen it nije hea by de simmerfreugd fen ’e boer. Den sprong de greate
trijekleurde kat ûnforhoeds efter opsteapele balen gûd wei ef fen in
hege balke en streake him om ’e foetten en roan al foar him út nei de
efterkant fen ’e souder ta. Der like ’t wol nacht to wêzen, sa ticht
stie alles der op, oer en troch inoar, hinter troch trinter. In lyts
smel kouwepaedtsje wie frijhâlden en dy-t him der troch wrong, op ’e
taest of en om ’e hoeke knoffele, hoechde mar in âld gerdyn oan kant to
skouwen en stie yn Falentijn syn hillichdom, in lyts souderkeammerke,
mei neat oars deryn as in âld canapé, in tafel en in pear stoellen.

Der wie ’t, det bysitter alle middagen in knipperke diich, sa ’s syn
frjeonen seine, de sparpot telde, hwet de fammen út ’e weverij him
gnyskjend neijoegen, as hja goedernôch wisten, det bysitter syn swart
kalotsje, syn grize bakkebirdtsjes en syn griene kamerjapon efter de
hage fen ’e binneplaets weiwaen wierne.

As nimmen him forwachte, den wie hy der altyd krekt. Gek-jagen se mei
de skippersfeinten yn ’e steech, op ’t selde stuit kaem bysitter bleek
en stil om ’e hoeke, stiene de spoellen ien amerij, as ’t gjin skoft
wie, liniger as ien fanke it koe, bigoan hy sels it jern[1] op ’e
spoellen to winen en smiet se de wever ta, det it rinkele deroer en ’t
fanke krige sa ’n joun dien wirk. Mar in lean as ’r ek joech! hja
fochten om in plakje as jernwynster oan ’e weeftouwen, oan ’e
spinwielen en ienris yn ’t jier, op Sint Severius dei, de skutspetroan
fen ’e wevers, den mochten se spinne en weve om eigen gewin fen
bysitter syn wolle. Den songen se fen:

    „Sinte Sevérius, det’s ús petroan.
    Wy weve de stikken, wy kenn’ it skoan,
    Fen helderom, telderom, joep! joep! joep!
    Fen helderom, telderom, tjoep!”

en hiene hiele lange stringen kleurde wolle by de holle delhingjen en
de útsetter wie altyd de joune by moeke Truke „yn ’e forgulden Rasp”
mei thémôlke en waffels. En Heinrich wever wie d’âld oerste fen dy
hiele fleurige binde jongfolk sa ’n dei, as bysitter Falentijn syn
weefstoellen wol gyngen en himsels dochs gjin gewin oanbrochten. En
dochs leine se him gjin wynaeijen.

 [1] De hânweverijen hiene se dodestiids yn lege, dampe keamers mei in
 liemen flier. Derfendinne in tige ongesoun hânwirk en forklearret de
 sizwize: sa wyt as in wever. Ien weefde oan ien weeftou,
 skearing/ûndertried, ynslach, boppetried. It jern op ’e spoellen wine
 wie frouljueswirk, it weven sels manljueswirk.

De joun foar wykmerkdei strúnde ’r al yn ’t foarhús fen ’e weverij om,
de goezzefearrene pinne efter ’t ear en skreau mar op, hwet der alsa yn
sa ’n skoftsje tiid syn hûs binnedroegen waerd. Hwent sokke dagen like
’t der wol in trachter . . . Om fjouweren hinne bigoan ’t al. Den kamen
de fearskippers met fluessen wolle for tekkenoanrieden ef fyfskaft ef
skieppe-grauwen jern, hege skoukarren fol en wrotten ta de nauwe steech
yn en laken ef flokten, al nei ’t it sin stie. Foar alle finsters fen
’t âld hûs syn heech-oppe eftergevel barnde ljocht, lytse eintsjes
kjers op koperen blêkers. Krekt as hokke al de beuzigens fen ’e hiele
sted hjir by inoar, krekt by dit iene ljochte hûs. Yn ’t efterhûs, der
’t de weverij wie, hantearren de frouljue noch mei hasten de wiffe
spoellen en smieten se de wever ta as boartersgûd. Min seach de jonge,
fine hollen forwegen en sims it skaed fen in spits snútsje op ’e bline,
wite mûrre fen ’e binneplaets. De hiele steech stie fol âlde wiven mei
de skelken om ’e holle en hjar mûlen! nou, dy gyngen as lazarusklappen.
As der wer in karre oankaem, stouden se oan kant, suver in swarm
roeken, dy-t earne op ongânzen loere. It wierne de spinsters, dy-t thús
om lean spoanen for bysitter Falentijn, it fynste sajet for
jiffershoazkes en sêfte wolle for lyts bernegûd. ’t Ald hûs hie as in
brede, wiidopbûgde trachter de greate efterdoar op.... de ljochte gong
slokte alles troch, hwet der mar ta ’n yn rôlle en droegen en sjoud
waerde, ta great formaek fen ’e steechjonges, dy-t der omhinne dounsen
as tsjammen yn ’t skymrige ljocht en sims wol ris de dryste skoen
oanteagen en mei in swier pak gûd ongemirken wei yn ’e hûs slûpten. Op
’e ein fen ’e gong seagen se den op in greate baelsek fol wolle in
bleke âld man sitten, dy skreau mar op yn in sakboekje, aloan en alwei.
Allinne syn fingers forweegden hjar noch, oars koe ’r wol dea wêze,
tochten hja den. En as hja der lang genôch nei stoarre hiene, waerden
se bang en slûpten der stil wer út, by de mûrre lâns.

En de greate trachter stie mar wiid-op to gapjen en ta de nacht út
smieten beuzige hânnen him fol en de oare moarne, wykmerkdei, droegen
wer oare warbere ljue it ta de foardoar út, ladingen. De trachter
dripte nou stadiger.... krekt as woe’r ljeaver bihâlde, hwet ’r
jisterjoune sa mei soarch garre hie. En den kaem ’t op ’e greate,
skjinne souder tolânne, hwer de sang fen ’e spoellen en it snûrjen fen
’e wielen in fier lûd wie, krekt sa lang, det de âlde katrol bigoan to
piipjen en ’t sterke tou ’t as in fangearm twisken himel en ierde
hâldde en einliks sêft delkomme liet op ’e binneplaets. En in set
letter kuiere it as pylekken, rôkstreept ef as bokkebaei noch wer it
âld hûs foarby, hwaens oarelstiensmûrren al wer de wielen gean hearden
en ’e sang fen ’e spinsters, wylt de sinne op ’e binneplaets skynde mei
in smel streekje fel ljocht, der in spin hjar greate webbe yn
glinstere.

Dy spoan ek.... sa moai scoe nimmen fen Falentijns folk it noch kinne.

Dizze middei nei wykmerk klauwde Falentijn ek wer âlderwenst by de trap
op en kuiere nei ’t keammerke ta, bifielde yn ’e stúdzje wei noch gau
efkes twisken tûmme en finger de nije tekkens, dy-t noch swevelich
roeken en foel do mei in sucht op ’e âld mahoniehouten canapé del. De
rol hindere him, hy sette him op ’e groun. De kat sprong ’r boartlik op
en ôf en bleau do mei de stirt oer ’e foarpoaten stil sitten him wiis
oan to sjen en streake him einliks mei ’t fine kopke oer ’e jasmouwe.

Falentijn mirk it net. Hy kúrde mei syn âlde, skerpe eagen nei de loft
troch ’t dakfinster.... de wynwizer stjûrde noch syn pylkje nei ’t
Easten ta en in fris twirke blies jongesêftich om ’t hûs. Bûrmans
doukes trapen op ’e naed fen ’t skûrke om en twa trippelen foreale nei
in hoekje en streaken en bekjeaeijken om inoar hinne, det it hwet
diich. En do bieten se inoar, de skerpe lytse bekjes hingen yn inoars
fear. Ljeafde, dy-t yn warsens forebbe....

Sá gyng ’t mei alles, ja mei alles! ljeafde en haet, komste, kliûwing,
hichte en stadich o sa stadich mindering en.... dea, de ein fen alle
dingen. En François Falentijn tochte om ’e lange jierren, det hy syn
sit hawn hie yn ’t gritenijhûs. Der kaem hy nou noait wer, alles hwet
Oranje wie waerd’ band foargoed. De trijekleurde cocarde pronke ’r en
Liberté, Egalité, Fraternité skearing en ynslach....

Hoe koe ’t sa komme? Forline jier hie ’t wol oeral gest as jong bier en
hy hie net iens sa raer opharke, do-t Ripperda him fortelde, hokfoar
nijs Foppe-om wol net biharke hie yn Berdeau syn hûs, mar is der net
altyd in partij yn ’e wrâld, dy-t oars wol en war docht, om ’t oars to
krijen? En hwa seach ’t sa yn? Ripperda net en hy net en fen Rhé, och
yn sok ding wie hy altyd in sluten boek, likegoed as Herama en de heit
fen Wobbe Easgama, dy hâldden ek altyd in slach om ’e earmtakke, as der
oer praet waerde yn ’e kolfbaen ef op jounpizelerijen. Ho-t se den
harken! en sels diene hja gjin mûle op! Mar jouns let, as nimmen mear
bûtedoar kaem, den slûpten se nei ’t hûs op ’t Waechsplein ta en der
waerde den yn stiltme bikûpe, hwet nou njonkenlytsen yn ’t deiljocht
set waerde.

As in bitûfte hânnelsman hie hy ’t al lang mirken, der broeide hwet, ’t
jildmark syn fynste trillings koe ’r sont lange jierren en dy diich
rare sprongen optheden, ja einliks al in pear winters lang.

En nou gyng ’t der oan wei. In dei ef hwet lyn hie Frankryk ús de
oarloch forklearre![2] Earst koe ’r ’t hast net leauwe, hy wie nei fen
Rhé taflein, dy-t troch syn ambt alles earder wiste as in oar! Do-t ’r
him mar seach, wist ’r alles. It wie sa.... folle slimmer yette. In
toarn letter waerden al de bannisementen to niete makke, mr. Cornelis
fen der Burg scoe weromkomme en him it fjûr wol sa nei oan ’e teannen
lizze, det hy scoe it ambt der wol oan jaen moatte den, sei hy mei in
sûr glimke, do-t Falentijn him ris wer to wird kaem yn ’e greate
efterkeamer fen syn eptige huzing oan ’e Ie-wâl. As hjar degens inoar
noch ris wer krusten, den foel  ’r ien wis, profetearre hy koelwei,
wylt hy by de skoarstienmantel stie to smoken, smel en bleek, noch
altyd de heech-eale en strange mr. fen Rhé, „advocaat in den Hove
provinciaal”.

 [2] De 1e fen Selle 1795.

En hy, Falentijn roan nei syn oare frjeonen ta, like forslein as hy en
de moarne fen ’e 10de fen Selle (Febrewaris) om alve ûre gyngen se
mei-inoar nei ’t stedshûs en koene der ’t fonnis oanhearre, mei in fyn
gnyske útspritsen fen Borgrink, de president, mei as bysitters de oare
ljue fen ’e Fraternité, Kroon, Ruitinga, Dijkstra en Zeper.

„Burgers!” sei ’r, „’t is ulieden bekend, hoe Gij op een wijze, die
voor een burgerij, welke haar waarde kent en gevoelt, ondragelijk is,
tot deze Uwe betrekkingen gekomen zijt en deze reden is het, waarom het
Comité revolutionair provinciaal, overeenkomstig den wil en last der
burgers, U allen hier heeft verzocht en in haren naam plechtig te
verklaren, dat zij in deze verlichte dagen niet langer door ulieden wil
of kan worden vertegenwoordigd of geregeerd, dat gij dus van Uwe
regeeringsposten wordt ontslagen ten einde terstond van hier te gaan en
met volkomen veiligheid voor U en Uwe goederen in den thans achtbaren
burgerkring weder te keeren.”

En bidaerd-wei andere grytman Viersen: „Wy ha heard, hwet Jy sein
hawwe. Wy geane,” en de iene nei de oare wierne se foartgien, om noait
wer to kommen. It âlde gesach weismiten, it nije, it frjemde mei jubel
en sang ynhelle. En do-t se by ’t parradis fen ’t stêdhûs delkamen,
hwxet seagen se? De hege mest fen in spjirrebeam, opsierd mei linten en
flaggen en boppe-op in blikkene hoed en ’t hoarnmesyk spile de
Marseillaise en ’t púkje fen ’e Ljouwter fammen dânse der omhinne,
alhiel yn ’t wyt mei greate kleurde sjerpen om en de hiele sted stie op
ien-ein! En de middeis hellen se de forbânnenen fen ’87 wer yn mei ’t
lieden fen ’e klokken en mesyk. Nou waerde ommers alles goed, ien stân,
ien pong, ien gelove.

Stil wie hy nei hûs gien, dit swier miel koe hy sa foart ynienen mar
net fortarre en yn dagen kaem ’r net bûtendoar, siet stil yn ’e
peikeamer, mar nachts, den waerde ’r warber; den sette ’r de steechdoar
op en liet tomûk syn frjeonen yn, Viersen, Ripperda, de Witt en Anne
Hopperus hjar omke. De saek lei derta, krektlyk as yn ’87 en nou siet
de oast namsto djipper, ynfretten oan ’t hert ta. De âlden hiene der
fen flustere, de jongerein rôp it út en sette it nou yn dieden om,
dieden, der de mienskip fen siddere yn hjar hechtste skoarstilen.
Nachten sliep hiene se der om brutsen, Ripperda en Viersen rieden
wech-en-der-wear hinne to rieplachtsjen, om noch to redden, hwet to
redden wie, mar nearne founen se mear hael. De ûnthjittings fen it nije
ryk wierne to moai.... it âlde wisten se, hwet brocht hie, ho knypte by
inkelde patriotten de ellinde fen ’e fiif en saun jier finzenis noch
nei, hjar yn ’87 oplei en nou noch mar krekt útsitten, der hjar ambt
mei hinnegien wie, hjar eare fen skeind en der hjar húshâlding it
droech brea fen ’e earmoed troch ite moatten hie. Det forgeaten se net,
né noait!

En de bêste salve op dizze woune brocht de oarlochsforklearring! Dy-t
it nou mei Frankryk hâldde, krige ’t heft yn hânnen en ’e knyft erby en
dy slipen se flimende skerp. It wie de bitterste haet, dy-t partijen
tsjin inoar ynjage. Och, it gyng net allinne om ’t Patriot ef
Prinsmanwêzen, alle persoanlik skeel groeide, arbeide mei.... alle
eigenbilang seach in doar op, om ta eare en oansjen to kommen, hwet
oars mar in inkelden ien takaem as stimrjuchtich man. It wie net sasear
de frijheit sels, dy-t min hjar joech, mar folle mear noch de
ûnthjitting der dingen en det wisten de Frânsken, fine minskekenners,
bjusterbaerlike goed. Net it bisit sels fen in saek jowt de waerde, mar
de winsk om to bisitten, de langstme fen ’e siel nei it takommende, is
de oantruner ta alle dingen, goed en tsjoed.

It âld regear gyng nou—it nije kaem. ’t Folk, los fen ’t ket, scoe nou
ek ris regearje. Mar in baes, dy-t sels lang feint west hast, hinget
altyd noch it skibbige oan fen ’t ûndergeskikt wêzen, hy draecht syn
tsjinstberens mei, fynstimpele yn ’e siel, dy-t alle foroarings mei
ûnforganklike markteikens ynbarnt yn ’e heugenisse. As hy der om
tochte, ho-t der nou miskien guont yn ’t gritenijhûs komm scoene, dy-t
lêze noch skriûwe koene, den moast ’r dochs noch efkes glimkje yn al
syn ellinde, mar de freze bikroep him teffens, scoe ’t ek ta
machtsmisbrûk komme kinne? Hy hie dizze learing al fen wrâldsskiednis
útfikeleare.... it wirde de wreedste hearen, dy-t langst feint west ha.

It nije jier, 1795, wie min ynset.... o sa min. De Stedhâlder nei
Ingelân mei wiif en bern yn ’t kâldst fen ’e dagen, de 18de fen
Jannewaris, wylt it frear, det it ongele en nou smiet Frankryk mei
heftige roerige weagen tûzenen úthongere soldaten oer Hollân en
Fryslân, suver as in onstjûre mar syn goare kriik oan ’e ich.

Fen ’e moarn, wykmerkdei, wierne de earsten kaem, forlit, forsutere,
hongerich en bretael. It nije stedsbestjûr, mei it brede, frjeonlike
gebaer fen in rynske jower, hie se forsoarge as eigen bern. Moarn
scoene der wol mear komme, der de fûgel it goed hat, floitet ’r ommers
syn kornuten en fen oarremans jern is ’t goed reaven hespeljen. André,
syn jongste, moast mar gau trouwe, in troud man wie altyd wis, det ’r
net ûnder tsjinst hoechde en hwa wit, hwer dit allegearre noch op
útrinne scoe! Lokkich, de Stedhâlder hie troch syn flucht it lân
biwarre for oarloch, mar hwer lei it nou foar bleat? De oerhearrigheit
fen inkelen scoe wol wer útsoend wirde moatte mei pongstruisel, det
blinkt, ’t jild wie wakkere krap yn Frankryk, hwer d’iene regearsman
nei de oare kantele as in brôzelich stik stien, net bikwamernôch as ’r
blykte to wêzen, om nije fondaminten to lizzen op it steed, hwer hy
sels de âlden útbikt hie.

’t Woe hjoed hielendal net mei ’t sliepen. Hy bleau sa wach as in
nachtbiddeler yn ’t skaed fen ’e stedspoarte. De kat siet to spinnen op
syn knibbel, in ljeave fielbere frede makke syn herte weak der op ’e
stille souder fen syn âld hûs. Hwet joech ’t gemodder ek yn neare
swierrichheden? Der wie Ien, dy-t de minsken hjar lot yn hânnen hie en
dy-t se troch dizze Reade Sé fen ’e binauwinge ek wer liede koe nei in
Kanäan fen hearlikheit en sunich sei ’r sa for himsels op de wirden fen
’e Psalmist:

    „De fijand mach te velde zijn: de Trommel mach alarme gaen;
    Het swaerdt mach op de kele staen:
    De Lucht mach klaer van blixem zijn: de heel natuer mach syn ontstelt,
    En doen haer eijghen selfs gewelt.
    Daer mach geschieden wat het wil: Een reijn vroomhertigh Isra’ lyt,
    En raeckt het al te samen niet.
    Om dat hy God, die meerder is dan al wat datter is en leeft,
    Tot sijnen troost en steunsel heeft.”[3]

 [3] Psalm LXXIII. Camphuijsen.

Hy loek nei de sechstich, syn pikswart hier wie al lang sa wyt as hwet,
hy fielde de wirden, det de minske neat oars is as stôf, neat oars as
in lyts hântsjefol stôf, det fen in skûrwyn saeid wirdt yn it grêf. It
waerd’ nou tiid, as ’r noch hwet wille ha scoe fen syn âlde dei mei
Pronica. De saken oan kant, hwet blomkje, in pypfol smoke, it scoe in
moaije joun wirde kinne nei syn libbensdei, ljocht en skaed yn
jimmeroane wiksel, op en del as ’t gean fen ’e weversspoellen.

Ynienen bimastere dizze tins him sa.... de hiele reboelje fen ’e lêste
dagen waerde ’r by wei. Op in reinige dei, dy-t gjin klanten
oanbrochte, koe ’r sims ek sa yn ’e winkel sitte en ’t kaem him den
krekt-en-allyk oer’t mot.... En moarns en jouns, as ’r de hinnen foer
brochte yn ’t tún bûten de stedsgreft, der hy ek hwet griente kweke for
aerdigheit. Sims selst yn ’t riedsseal sette it op him ta mei lokjende
bigearte. En nou hjoed bimastere it him wer, ja it bimastere him sa
heftich as in reisger de tins om ’e greate, feilige haven for ’t
útsjend each, de feint de tins om in sib fryster, dy-t fier is. En hwet
him noch noait oerkaem wie! sa stiltsjes wei waerd hy nou ûnderlizzend
partij. O hy joech him sa willich! en de earste plannen, om syn winsk
yn died om to setten, ripen stadich as simmers de moerbeijen yn syn
tún.

Hy hie nou de bern great.... as jimmetiters sieten André en Bet mar
mear mei oan yn ’e peikeamer. Diûke hjar eigen skoarstien rikke al en
Jehannes, de chirurgijn, kaem mar inkeld ris, sa to hea en to gêrs, om
in flau byt út ’e petylje. Bet, syn jongste, koe hy ek al hast great
rekkenje mei ’t hier yn in skeiding en hoepen yn ’e rôk. Op minhear
Baerdt nei wie hy de rykste fen ’e sted. Stil droech ’r syn rykdom....
hie net iens in gouden ket oan ’t heloazje. ’t Swart bantsje mei ’t
gouden singenet diich ’t like goed. Syn namme allinne, dy sei genôch,
as dy mar steil en great ûnder de brieven stie, sa nou en den nei
Amsterdam forstjûrd, den biteikene det ûnbigrinze kredyt. Mar as syn
earste beantsjes boppe de groun kamen, der formakke hy him einliks
dochs noch mear mei as mei soks.

En hwet bitsjutte it den einliks allegear noch by dy earste freugde fen
’t eigen oerfortsjinne jild! It earste flues wolle, as lekken mei
winste forkoft! dodestiids, do-t syn sterke jonge hânnen it âld
affearen rjucht setten en leine yn syn eigene, nije banen, dy-t hy sa
klear en dúdlik foar him seach, as hie hy se sels ôfparke, mar der
âldmoadrige minsken raer oer skodhollen. Nei âlde principes hânnele hy,
howol, ’t nije wie ’r ek net fij fen, seach ’t net mei in skalk each
oan, as ’t rjucht wie for syn gewisse. Hwent rjucht as de lynbaen neist
syn âld tún, wie hy troch ’t libben gien, nimmen koe in neil efter him
krije, syn winste wie net koft mei oarremans leed, det wist ’r.

Nou bigoan de moaije dream wer om him hinne to streakjen.... mei Proan
en Bet yn in nij hûs oan ’e bûtekant fen ’e sted, André yn ’e weverij
en hysels rintenierje en Bet, jong ding ek einliks troud, ljeafst noch
in graedtsje fornamer as heit en mem. Hy fielde suver, ho-t de waerme
sinne him op ’e rêch skine scoe, sa simmerdeis yn ’t tún, der min de
simmer roek út ’e bloeijende blommen en ’e flinters fleanen seach en
net allinne de simmer mar formoede yn in waerme striette út de lûken,
dy-t ticht wierne en ’t stof, det mei greate wolkens ta de winkel
ynfleach.

Hy krige it heloazje út ’e bûs, it roan nei fjouweren.

De sterke stream fen ’e deis-droktme bigoan wer om him hinne to
skûmjen. ’t Wirk wachte op him, altyd itselde en dochs altyd nij....

Pronica, forklaeid en wol, siet al yn ’e sydkeamer foar ’t thébled.
Sims, as ’t in bêste klant wie, waerde ’r ek wol ris efter ’t glêzen
doarke mei syn kamerdoekske gerdyntsjes roppen, mar yn ’e lêste tiid
hâldden bysitter en ’e frou hjar hwette appart. ’t Siet der moai, ’t
great finster seach mei in útsprongkje de oare huzen foarby, oer ’e
Lange Piip op ’e Waech oan. Simmers, as de beammen yn ’t bled wierne,
koe ’t der jouns gau tsjuster wêze, nou lei de grillens fen ’e
Febrewarismiddeisinne hjar erf oer alles as de nije gloed fen krekt út
’e farwekûp kaem gûd en de kleuren fen ’t skildere bihang helderen der
sa fen op, krekt as hie de skilder it langlêsten earst dien krige.

Oan ’e lânsein fen ’e tafel mei ’t gesicht op ’e Piip, siet
bysitterske. Hjar moai brún hier hinge hjar yn lange koarketrekkers
tosiden fen ’e holle, hiel nijmoadrich en ’t frisse read yn hjar roune
wangen koe noch komme en gean as by in jongfaem. Yn hjar klaeijing
markbite min suver de fleurichheit fen hjar wezen.... dy-t in min sin
hie ef swiersettich wie fen aerd, droech gjin wynread pakje en hekke
noch folle minder gitten yn ’t goud om ’e hals, foarenyn mei in
juweelen boat. Oan hjar greate, wite hânnen skittere mar ien ring, de
trouring fen François Falentijn, twa slangkjes, dy hjar kopkes rekken
inoar om in smaragd, djip donkergrien. ’t Ljocht foel krekt op dy
griene stien en ’e wite hânnen mei de bleekreade neils, dy’t it
breidzjen hâldden, in hoazke for it hiele lytse foetsje fen ’t earste
bernsbern. Nou ’t Jehannes noch net troude, wie ’t in hiele treast, det
by Diûke tominsen in widze gyng, scoe min oars suver net fen hartsear
omkomme, as de oare dames fen ’e krâns praettene oer hjarres, hofolle
toskjes as’r hie en det in oaren ien al hântsje by-lâns doarst to
rinnen? Lytse Pronica wie noch net faken op ’t rabat, dy lei noch mar
stil hwet to mûlkjen yn ’t widzke efter de grien demasten gerdyntsjes
en Diûke like noch sa jongfammich mei hjar lyts, fyn kopke en ’t smel
middeltsje, hiel kant út ’e wide hoepelrôk, det mem woe ’t sims suver
hast net iens oan.... hjar hiele beppe-wêzen.

Hja tocht altyd om hwet bysûnders, as Diûke byld hjar foar eagen kaem.
Dy kipte ’r hjar den ek sa seldsum út, út ’e greate, fearige,
bloazjende bern, der hja as mem oer stie, Jehannes en André en Bet,
krekt sa ’s sims in inkelde wite blom fordwale kin yn in park fol bûnte
asters. Hwet harkene se raer op, do-t Diûke op hjar stille, bidaerde
menear, mei gjin foroaring yn ’t bleke antlit, heit en mem frege, ho-t
it hjar talike, as abbekaet Mulier hjar frege ta wiif! Goed fensels!
bêst! hwet bigearde in alder oars as sa ’n skoansoan! En de oare deis
kaem ’r optslach en diich hjar de eare oan, om hjar lytse, bleke Diûke
ta syn wiif to bigearen. Elts-en-ien koe der op sjen.

Falentijn hâldde net fen det lange gefrij yn ’e hûs en seis moanne
letter wie se al troud wiif en makken se in hiele greate, moaije reis
mei ekstra-posten by de Ryn lâns. It koste wit hofolle, wiken en wiken
wierne se ûnderweis en der waerde raer oer beard, hwent hwa kaem det
oer, sa fier foart! Syn eigen koetsier moast mei for de wissichheit en
dy learde earst noch Dútsk fen in âld poep, dy hie Falentijn hawn as
wever yn ’e weverij. Sims kaem ’r in lang brief, dy leine nou allegear
noch yn ’e cassette, om noch ris nei to lêzen. Den waerde de hiele
femylje útforsocht by hjarres en den lies de jonge dokter him foar,
hwet se allegear wol net seagen en det Mulier mei de rike Rothschild[4]
praet hie, dy-t nei min sei, troch syn jild oarloch en frede fen Jerope
yn hânnen hie en Diûke kant kofte for fyftsjin goune de jellen en ek in
servies for mem fen echt Meissner peslein. De greate Elisabeth Mara
hearden se sjongen, wûnder! wûnder moai! Fortsjinne 6000 Thalers yn ’t
jier, suver in kaptael! En op in jountiid wierne se fordwaeld rekke yn
’e omkrite fen Frankfort en kamen foar de stêdspoarte yn ’e neare nacht
en Mulier hie de pong lutsen en do hierden se in kearel, dy gyng foar
hjar út mei in lantearne en brocht se sa wer nei ’t loosjemint, hwer de
koetsier yn ’e poeskoken siet to gûlen. Hy tocht net oars mear, as hja
wierne formoarde der yn ’e frjemdte fen bosken en bergen.

 [4] Maier Amschel Rotschild, de stamheit fen ’e bikende femylje,
 letter de jildsjitter fen mennich regear en hy yndied troch syn jild
 de bislisser oer oarloch en frede.

It lêste brief skreauwne se de 14e fen Maeijemoanne 1792 en in goed
fjirtsjin dagen letter rottele de ekstra-postwein wer by de Piip op, by
de grêft lâns en hâldde foar ’t hûs. Brún, meager en sutrich kamen se
wer by honk.... in lekkere skinke prottele krekt op ’t fjûr en der in
stik grouweiten bôle by en in pofke, it foel der yn, wûnder.

En nou wie ’t al trije jier lyn en noch rekken se net útpraet oer dy
reis. Hy koft in greate kaert en reinige Sneinemiddagen, den reisgen
hja ’t noch ris wer nei en spile Bet op ’t forte-piane de moaije Dútske
sangen, dy-t se der koft hiene en Jehannes mei de fioele der by, och,
hwet joech det in libbenens en selligens yn in húshâlding, as der
fleurige, jonge bern om ’e tafel sieten!

Pronica hjar breidzjen glied yn ’e skoat, hjar hânnen leine stil yn ’e
waerme sinne. Falentijn, kreas forklaeid, wipte de lange jaspannen hwet
op en gyng sitten to wachtsjen op in pantsje-fol thé, lyk foar hjar
oer.

Pronica mirk it net. Hja siet steil en rjucht tsjin ’t bekling oan fen
’e stoel en mûlke yn ’e sliep. Och, hwet like se optheden noch wer
jong! en Falentijn brocht it him fol ljeafde noch ris wer tobinnen, de
earste kear, do-t se togearre yn skimerjoun op ’t bolwirk kuiere hiene.
Reind hie ’t do, reind! de beammen dripten, de wyn swypke mei de krunen
om en by dy iene, in hiele âlden, hwet wiste ’r it noch! hie hy se
stadich nei him ta helle en hjar sêfte lippen roerd, yn blide
forwondering, det it libben ek noch for him, in tritiger, sa ’n ljeafde
bloeije litte woe. En de oare deis kuieren se togearre op de
Bier-Kelders en koft ’r hjar det medaillontsje mei in klaverfjouwer fen
pareltsjes as oantinken oan dy reinjoun, dy loksjoun. Sont hie hja ’t
altyd om.... hy koe hjar moaije, blanke hals net oars.

Hwet koene se nou togearre noch in wille ha! De winkel en ’e hiele
santepatryk fen ’e wolkammerij forkeapje, André allinne it lekkenweven
oanhâlde en ’e greathânnel.... en hja as âlde ljue hjar nei
rintenierjen sette. Hy moast nou yntkoart mar ris prikken yn ’t wirk
stelle, hwet min sloere lit, bidijt nin botsen.

Hy seach ris tofreden ta ’t finster út, nei de platsnoeide beammen,
dy-t as in stammige hage by de Nijesteds greft lâns stiene en nei in
pear Peasumer botfrouljue, drok dwaende om in jan-hinnige húsman mei in
stûr ef hwet to bilazerjen. Einliks kaem de koop klear, de bot fordwoun
yn it boadskipsnetsje. Ien hipte mei in sprong út de koer op ’e
striette, de húsman flokte, de frouljue gniisden, it hiele bonkige
antlit ien plezier. Do waerde it wer stil.... it sinnich hoekje
striette wie minskeleech. Midden yn ’t paed lei de houn to sliepen en
in pear koekoeksfearrene hinnen stapten permantich yn ’e sinne om en
sochten gêrskes en hjouwerkerreltsjes twisken de skreven fen ’e
stiennen. Jan kaem der oan mei de brune, hy hie in sending jern nei de
Amsterdammer beurtman brocht.

Oer ’e greft oan ’e oare kant fen ’e striette, lei ’t ljochte skaed fen
’e kommende Febrewarisjoun al, de ljue bigoanen bûtedoar to kommen,
útlokke troch ’t mylde waer, bûtengewoan for de tiid fen ’t jier en
stiene by inoar to praten en de nijtsjes fen ’e dei op to fandeljen,
dy-t der, sei! planteit wierne. En foarsichtich waerd de „Oprechte
Haerlemmer” ef de Ljouwter-krante útteard en lêzen en mennichien gyng
’t kâld oer ’e lea. Hwet in oarloggerij oeral, whet in fordieldheit en
rûzje!—

Syn eagen waerden ek al lyts der yn it waerme, smoute keammerke, mar
der ynienen skûrde ’r se wiid op. Myn goede, hwa kaem der oanstappen,
prinshearlik as in pau? Hy bisoude en scoe ynienen fen ’e stoel. Do
bitocht ’r him.... gyng wer sitten en wachte.

„Frou!” sei ’r en Pronica wie optslach klear wekker en hie de trekpot
al yn ’e hân. Der hearden se it frjemde lûd al yn ’e gong en de feint
tikke op ’e keammerke doar.

„Mar yn ’e efterkeamer. Ik kom,” sei Falentijn deftich. Syn wiif mirk
wol, hy waerde sa wyt as in doek, mar mei saken hipte it sa nau mei
him, det hja doarst hjar net to ûnderstean en kloarkje him út. Letter
sei hy ’t dochs wol.

Hja hearden Jan, de feint, foar de prater útgean en de doar opdwaen fen
’e efterkeamer. Stadich gyng Falentijn hjar efternei, de hânnen yn ’e
broeksbûsen, in djippe nidige tear twisken de donkere eachsbrauwen,
dy-t sa wûnderlike jong ôfstieken by it wite hier.

Hy hie him net forsjoen. Der stie, ien lang en twa breed, krekt as’r sá
fen in kuierke kaem troch de sted, jonge Andersen, hielendal fen
Amsterdam en bigoan, in bûs fol frjeonlikheden oer Falentijn syn grize
holle út to skodzjen en to fortellen, ho bliid as’r wol net wie, om
minhear Falentijn sa fleurich en wol werom to sjen.

Falentijn nikte flau-oandraeid, syn wirden wierne hjoed djûr, hy stie
Andersen like-min as útlânske wolle. En dochs hânnele hy al jierren mei
hjar.

„Scill’ wy mar ta de saek sels komme, Andersen?” damme ’r einliks
onwillich wei de stream fen wirden ôf, der de jongfeint him mei
forfeelde.

„De saek?!” frege dy binijd en seach him lyk oan, wylt ’r syn iene wite
jiffershantsje by ’t fewielen fesje ynstiek en mei ’t oare hwet mei ’t
swier gouden ket omtipele, der in onbidich great singenet en
segelstimpel oan bingele. Syn halsdoek, sa keakelbûnt as gjin Ljouwter
ea droech, siet yn in swierige strûp, de streken fen syn broek wierne
sa breed en syn kammisoal sa koart en o onfetsoen! hy hie net iens in
prûk op, mar in great bosk eigen hier, poeiere en wol, hinge him
sleau-wei oer ’e earen. Falentijn socht altyd by elts minske de pit
ûnder ’e skyl en dy doochde net by Willem Andersen. Ek syn lange spitse
fingers mocht ’r net lije, det wierne jildforgriemershânnen.

„Jy bigripe wûnder bêst,” bigoan Falentijn stadich, „det ik der neat
fen leau, as scoene jy allinne oankomme to sounfreegjen. Der is de
postwein to djûr for en Andersen to bitûft. Ik ha net om ’e nocht in
sek sâlt mei jou heit opiten.”

Andersen hâldde him in amerijke stil en liet syn dryste eagen ris troch
de keamer gean, krekt as takseare ’r ’t húsrie. Alles bêst en djûr, fen
’e frânske pendule op ’e skoarstienmantel ôf oan ’t thégûd ta op de
tafel, sulveren trekpot, hoarntsjepesleinene reauwkes. Yn ’e hoeke in
trijekantige glêzekast, noch optaest fol fen ’t âldermoaijste en oan ’e
mûrre, lykme allinne, in greate Jan fen Goijen. ’t Scoe spanne, om
dizze âld fûgel yn ’t net to lokjen. Nou, woe ’t iene net, den ’t oare.
Hy hie wol foar hjitter fjurren stien en him waermje kind, sûnder him
to barnen.

Onforskillich wei sloech hy de skonken oer inoar en biseach syn greate
ringen. Hy siet derfoar, krekt as scoe ’r de hiele joun net wer foart.

„Nou den,” sei ’r einliks, „ho stiet it, kinn’ wy ek ris wer hânnelje?”

Falentijn seach stoef. „Der ’s ommers krekt jern nei jimmes ûnderweis.
In koffe mei neat oars as lading yn for keapman Andersen.

De soan glimke fyntsjes. „En hjir is ’t jild,” sei ’r en helle de
fynlearen pong út ’e bûse en noch ien en noch ien.... fol goudgounen en
onsteurber wei smiet ’r se op ’e tafel. Falentijn diich se út ’e strûp
en lei ’t jild foarsichtich yn lange rigen. Der foel him op dit stuit
in stien fen ’t hert, sikersonk, hy tocht al, det hiele Andersen wie
oer ’e kop en syn jild, tûzenen nei gichem.

Krekt as lies dy slûchslimme jonge syn tinsen, tominsen hy gniisde
fyntsjes, wylt ’r kwanskwiis syn lytse bakkebaerdtsjes aeide.

„Dos nou binn’ de saken ôfhânnele?” frege Falentijn en gyng oerein en
twong Andersen dertroch, om ek oerein to gean.

„Né,” sei dy koart. „Hja bigjinne earst. Dy binn’ noch folle wichtiger
as de lading wolle.”

„Den yn elts gefal for jou,” sei Falentijn moi skerp. „Myn saken binn’
biredt, as ’k levere, hwet ’k ûnthjitte en bitelle krige, hwet my
takaem.” En hjir mei dy jongfeint om to pantsje-roven op wykmerkmiddei,
sinnige him mâlle min. Hy woe thé ha en joun nei de kegelbaen, om to
sjen, ef de lange njuggen ek tûmmelje woe. Hy woe gjin soargen mear ha,
út noch yn net mear.

Andersen spile syn lêste, wichtige kaert út, der hy einliks de hiele
reis om makke hie, it doel, hwer hy al jierren syn sinnen op set hie.
Sa ’s ’t nou stie mei dy opgeande tiiden, koe hy him, as ’t slagge, yn
in jier mennich ryk hânnelje. „Scoene jy der ek op tsjin ha, as wy ris
hânnelen oer ’e spinnerij?” sei ’r stadich mei neidruk. „Wy hearden, jy
tochten om rintenierjen en ha wy den de earste keap erop? Op alles?”

Der kaem de aep út de mouwe, tocht Falentijn en hy wie nou namstomear
op syn openst. Al wie hy ek in geseten man, in dûbbeltsje wie him noch
like dierber as in goune en krije koe min alles yn ’e wrâld for jild,
ek fen him, mar hy sloaide net mei de priis.

Der stie ’t op, der bleau ’t op, al foel den optlêst de hiele spinnerij
ek yn en seach min de blauwe loft troch de spanten. Mar de earste
keapman! jonge! jonge! in hael wie ’t. Fraech is freugde ommers!

Syn antlit waerde onforskillich en hy gyng in stap twa nei de doar. „Is
’t oars net?” sei ’r. „Den kinn’ wy wol ris wer prate. It scoe jimm’ ek
wol passe, hjir jimm’ eigen saken to hawwen. Mar ik kin der net sa bêst
ôfsjen. Jildoerwinnen is in ljeaf faem, dy forfeelt noait. En as
rintenier op ’e dead sitte to wachtsjen, liket my ek net sa bigearlik
ta.”

It foel Andersen danich ôf, det Falentijn net habbiger wie. Hy miende,
hy hie de hiele boel al, as hy mar lûd joech.... nou waerd’ hy einliks
mar hwet ôfkonfoaid en det makke him namsto hjitter. „Ik meij dochs wol
freegje, set it ris op jild,” hifke ’r foarsichtich. „Jy witte ommers
ek wol, wy binn’ mei ús trijen fen jonges yn ’e hûs, twa krije de saek
fen ús thuses en jy ginne my dochs ek wol in hoekje for in affearen? As
jy jild freegje, den wisten wy tominsen hwet.”

Efkes stried François Falentijn noch. Do woan ’t nije it fen ’t âlde.
Syn dream wie to moai.... de forlokkinge waerde him oermans.

„Nou den, ’t hûs, de spinnerij en ’e tekkenoanriederij en alles, hwet
yn dy spinnerij is for sechstich tûzen goune,” sei ’r ynienen biredt,
mar krekt, as ’t wie ’t, as stoar der in lytse ljeafde yn syn hert.

„Tominsen net to min,” andere de jongfeint en seach spûnsk: „Der kin
gjin fetsoenlik minske in bod op dwaen.”

„Den moat in fetsoenlik minske it litte,” sei Falentijn stoef en gyng
him foar nei de útdoar. Andersen syn habbige eagen loerden ta alle
hernen yn, as ’r ek in skyntsje seach fen ’e moaije Bet Falentijn, der
syn frjeon Easgama wakker fen opdien hie. Mar Bet wie nearne to
bikennen.

De forseane thé smakke Falentijn net mear en omt Pronica der ’t harkjen
ta diich en him net rette, noch yn ’t iene, noch yn ’t oare, joech ’r
him yn skimerjoun ôf nei Jehannes ta, dy-t foar ’t iepen finster siet
to smoken, de brune, treastbringende hânnen efkes stil, mei de skerpe
eagen de stadige joundrift fen ’e wolkens folgjend oer de stille sted,
dy-t hjar as in warrich boarte bern nei jounfrede joech.

Hy hearde heite stap op ’e trap en stie al klear op ’e tsjustere
oerloop mei de blêker yn ’e hân—it frjeonlike antlit fol wolkom for
d’âld man, dy-t ’r heech sette.

„Hoechst der joun net mear út?” sei Falentijn. „Gien den mei om ’t
bolwirk. De doar fen ’t hinnehok moat ek noch op ’t slot. En derby....
ik ha mei dy to praten.”

Det klonk wichtich. Jehannes tochte al, scoe heit him ûnderstean en
woll’ him in wiif oanprate? Det smiet ’r ek ynienen wer fier fen him,
der stie heit fierst to heech for. Yn saken, as ’t sa nau hipte,
moasten se hjar eigen sin dwaen, heit bitroude wol, syn bern scoene net
yn ’t efterom siikje, hwet se op de foarstriette to kust en to keur
krije koene. Syn taktyk wie richtich. Diûke levere it biwys en bisibbe
as hja wierne oan alle eptige Ljouwter femyljes, koe ’t ek net oars, as
hja bleauwne wer yn hjar eigen stân, der se yn in innigheit fen
geslachten, de ieuwen troch, mei biwoartele wierne as soartige beammen,
dy-t mar yn somlike streken húsriem binne, der se hjar tier fine yn
krekt dy groun en hjar erf krije yn krekt dy sinne.

Hja kuieren stadich de striette út by ’t bolwirk op. De lêste
markeljue, in sikje oan ’t tou, sjaggelen sjongende wei nei hûs oer ’e
hiele weisbreedte, in pear jonges piûwden se nei. It wetter fen ’e
stedsgreft lei stil.... de joun striek de lêste fâlden gled. Yn ’e
fierte spilen se op in dwarsfluite, as ’t efkes stil wie, sette in alt
in sang fen wûndere minne yn, hiel âld en hiel bikend. Al de blydskip,
al de wémoed fen it libben lei deryn.... it ivige forlangst fen in
minskeherte, al syn lok, syn leed song ’r him yn út.

Hja bleauwne in set stil stean en harken. Ho fielden se hjar sokke
jounen wer sa nei forboun oan hjar âlde sted! ho hâldde dy hjar lokjend
yn in net fen tichte mesken omfongen! En krekt as song nou optheden dy
alt boppe alles út eat, det ek yn hjar eigen herte wjerklank foun, ja
hjar eigen libbensliet! wie ’t det net?! Hwet dy âld sted hjar jown
hie, fen hjar forwachte en hwet hja fen hjar meitsje scoe en ho-t
einliks de kluten fen hjar sêfste ierde for hjar wêze scoene, as hja to
rêsten gyngen oan hjar âlde foetten, dy-t ieûwen ôfstân trêdden.

„Heit hat swierrichheden,” sei Jehannes en yn syn eagen lei sa ’n
soarch en noed, det Falentijn waerde der suver oars fen. Der gyng sa ’n
hertewaermte fen him út, det dy rekke optslach it tearste, it
fielichste skûlherntsje yn oarmans moed. Der hy kaem, wie sinne—as in
hoekhâlder naem ’r ’t op tsjin dea en pine. Ja, as in sterke jonge beam
wie ’r, hwaens krún skutte en skaed oer ha scil for tûzenen.

Lyts en bleek roan François Falentijn neist syn foarse soan. Hy sei
noch neat. En Jehannes earbiedige syn heite swijen, like goed as ’r it
syn wirden diich, dy-t der ornaris oanrôljen kamen as in stream fen
folsinnen, koart en woloertocht. Alle Falentijn’s wierne manljue fen ’t
wird, berne sprekkers, hwet se seine, wie goed, mar sá’s se it seine,
wie treflik. Det wie it stimpel noch fen hjar frânsk aerd, fen âlder op
âlder forerfd as in oantinken, hwer hjar widze stien hie. Net yn it lân
fen sompen en wetter, mar yn in sinnige tún fen it âlde Avignon, hwer
de wynstôk bloeit en de sjongende troubadours de finsters fen hjar
foarâlden foarbygyngen mei de luit ûnder de earm en in ivige jeugd fen
ljeafde en freugde yn ’t hert. Fen âld Hugenotebloed wierne se.... hie
net ien fen hjar foarsaten mei beverige hânnen yn ’t âld bibeltsje
oanteikene, det der dy freeslike nachts[5] trije fen hjar sibben it
libben jown hiene for hjar gelove en François Falentijn biwarre it as
in reliquie yn ’t geheime laedtsje efter de pylder fen syn pultrum. En
Aldejiersjoun, as de hiele femylje om syn tafel siet en hy psalm 94 fen
Mozes foarlies, ek in bywenner yn it lân fen frjemdlingskip, den lei it
âlde bibeltsje al foar him op ’e tafel, den naem ’r mei in earbiedige
earnst de goezzefearren pinne yn ’e hânnen en teikene op de nije,
ynlaske bledden de berten en stjerten fen syn femylje op yn dit syn
âld, hillich Boek. De lêste wie nou lytse Pronica Mulier, de berte fen
it earste bernsbern en Diûke, jong memke, hie triennen yn ’e eagen
hawn, do-t hy hjar tanikte, dy joune. O hwet in wei hie hjar folk lâns
moatten, eart se yn it kâlde Noarden de lytse tinte foargoed opslaen en
hjar nei wenjen sette koene!

 [5] Sint Bartholomëusnacht 24 Aug. 1572.

Sims spriek it âlde súdfrânske bloed dochs noch efkes, krekt as yn âlde
wyn de geur fen hjitte simmer ivich bliûwt, in donker each, in seldsum
libben aerd, in bihindich omskot fol bûgsumens en „elegance”, ja selst
it wûnderlyts foetsje, fyn fen ankel en heech fen krop hie ’t raseigene
fen ’t frjemde suderlânsk type. Al hie ek treddelieuw syn skaden oer ’e
wei fen hjar geslacht falle litten, al boasken se ek wit ho faken mei
in greate, bloune dochter fen ’t Noarden, det scoe noait stjerre. As in
sprankel súdlike sinne sparkele it nou en den op yn ’e femylje en
hâldde it oantinken libbener as ea it spritsene wird. Derfen it
levendige yn François Falentijn syn aerd, sims it koarte, koel
bileefde, as him eat net noaske, krekt as riisde der ynienen in
himelhege mûrre op twisken him en in oar, it markante yn syn âld antlit
as fen in âld markys yn ’t kleurd setyn mei de wite prûk op, dy-t thús
heart yn in salon, opsierd fen Watteau. Hy bleau altyd minhear, al lade
’r sims ek sels de swiere pakken sajet mei op ’e wein ef roan mei hwet
hinnefoer it bolwirk lâns nei ’t tún ta. Sont it skild fen lekkenwever
en spinner oan ’t hûs bingele en hjar bange siele hjir ta rêst kaem wie
as yn in frijsted for ’t gelove en hja nei saun jier it boargerrjucht
ha mochten, kleauwen se al ringen yn eare en oansjen. Der se kamen,
koene se wer komme, hjar ienfâld wie echt, it kringerige fen in
parvenu, in nij-opkomling, bilêstige hjar net, hjar pong siet yn ’e
losse strûp en hja tochten great oer in bulte dingen, hwer in hopen
Ljouwters sims hiel bikrompen oer foelen. Falentijn syn hânnel makke
him rûmeagich—hy wist, de wrâld bitsjutte noch hiel hwet oars as de
Oldehoofster klokslach en dy-t him ienris op de rûmte jown hat, ken de
wierheit en ’e seine fen in wide horizon.

It klokje fen poartsluten klipte. Hja koene noch krekt it hek fen ’t
bartsje oer ’e greft by ’t hinnehok op ’t slot draeije en roanen nou ’t
koartste paed werom. Hindrik, de poartwachter, swaeide mei de greate
lantearne op ’t bolwirk hinne en wer, krekt as woe ’r se warskôgje en
djip gyng d’âld mûts fen ’e holle. Jehannes makke in praetsje, François
Falentijn nikte allinnich en gyng stadlich troch. De foroaring der
dingen bisette him ynienen as in nachtmerje it boarst. Ho faken hie ’r
wol net winske, rintenierje to kinnen en nou ’t de kâns foar him lei as
in iepene, moaije kaert, doarst ’r it spil net út to spyljen, krekt as
eange him de ein fen ’e dingen.

„Jehannes,” sei ’r ynienen, „ried dû my, hwet ’s ’t bêste. Ik wird der
staf fen. ’k Wol ’t net allinne mear witte.”

De wirden floeiden him nou ta en yn in omsjoch wist Jehannes, ho-t de
saken stiene, heite langst nei frij, nei rêst en den ek wer de onwil
fen dy sterke geest, om de saken, hwer syn hiele libben him op
concentreare hie as alle paden yn in stjerrebosk op ’e stjerre yn ’t
foarmidden, as tûzen strielen op ien spectrum—út hânnen to jaen en neat
mear to wêzen as Falentijn, sljuchtwei Falentijn, hwent bysitter! och
hy bysittere ommers net mear, fleach him ek ynienen oan. Hy prate him
waerm, wiske mei de fine batisten bûsdoek it swit fen ’e foarholle, lei
it mei de hânnen út, dy-t wyt en jong liken yn skimerjoun.

François Falentijn bleau stean—útpraet wie’r. Yn ’e stille striette
libbe gjin lûd mear. Ek de beammen wierne stil. Yn ’t tsjuster rekten
se de brede, keale krunen út nei de blauwe Febrewarisloft, fol
fonkeljende stjerren.

Jehannes hie net om ’e nocht stil nei heit harke, sûnder him yn ’e
reden to fallen. As in skerp byld naem ’r yn him op, hwet ’r nou yn syn
heite hert omgyng—it lichem hage rêst, de geest woe ’r noch net fen
witte. Dy scoe him jeije, det ’r der by omfoel as in âld mounle by
felle wyn, dy-t himsels yn deabrân jaget. En der hie ’r him to ljeaf
ta.

Heit kin der him oer bisliepe, ’t is gjin moatten,” sei ’r bidaerd wei
en syn wirden rûzen as in koelte oer ’t hjittochte brein fen ’e âld
man. „Wie ik yn heite plak, ’k scoe myn genot derfen nimme, eart it to
let is.”

„Wird ’k minder?” frege Falentijn lyts-moedich.

Do lake Jehannes ynienen syn hearlike, jonge laeits.

„Heit is nou yn ’t saun en fyftichst,” sei ’r. „Guont bigjinne den noch
in nij affearen, oaren trouwe en meitsje noch tûzen plannen en sizze,
ús libben bigjint noch.... En heit praet sá.... Doch as Easgama Dy is
71 en keapet my noch in nij hûs en set noch jonge fruchtbeammen yn ’t
tún. Hwa-t dy apels ite scil? Hy fensels.”

„Ja dy,” sei Falentijn hwette smeulsk. „Det’s sa ’n âld stânfries, kin
stikken noch dea. Dy wirdt wol hûndert. En as dy koer ris útslachte
wirdt, der sit hunnich. In bitûften âld skierkert is’t, ien, dy-t al
syn libbensdagen twa riemmen út ien ein snije kind hat.”

Stadichoan wierne se op hûs yngien en eart se it murken, stiene se yn
’t peikeammerke by Falentijn’s, hwer de lampe nou al op wie en ’e
blinen ticht en ’e kofje prottele yn ’e greate tinnene kanne.

„’t Is dochs to let to kegeljen,” sei Falentijn en seach nei de klok.
„Jow my mar in brogge, mem, twiebak derop en stolkse tsiis en kofje mei
in bult reamme.”

„En dû, jonge?” sei mem tsjin Jehannes.

„Hwet mem jowt, is altyd goed,” sei dy en yn syn eagen lake de skalk.
Hy tochte om in pak bruijen, det ’r ek ris hawn hie fen mem mei de
jellenstok. En memme moaije hânnen sloegen ta, as ’t wêze moast.

Bet kaem thús, min hearde it risseljen fen hjar siden rôk yn ’t foarhús
en efkes letter siet se mei oan, soun, jong fanke fen sauntsjin jier,
de glâns fen jeugd op it hier, sa swart as ebbenhout en de greate,
fewielige eagen fen François Falentijn bloeiden as blommen yn ’t blank
fen hjar antlit, hiel heimich en moai. As ’r Jehannes en Bet beide wer
om him hinne hie en hja praettene as alken, den gyng ’t him wûnder nei
’t sin, fielde ’r him as heit seine boppe tûzenen. Mei al syn saken,
syn affysjes bleau ’r in man for syn húsgesin, der hy al syn lok en syn
swierrichheden as yn in timpel bimûrre.

Allinne foart hie ’r ek gjin sin oan.... hwer hy gyng, Pronica moast
mei en yn Augustus kaem de reiskoets foar de doar, waerd’ de swiere,
mei kouwehûd oertritsene en mei izer bisleine komfer opladen en de
griene reissek en de angelstokken en rieden se nei Langwar ta útfenhûs,
nei Pronica hjar folkes. Moarnsier stiek ’r den ’t fjild yn to fiskjen
mei Jehannes en André en kamen se lang om let wer thús, de honger yn ’e
hals en brúnforbarnd fen ’e kostlike sinne.

En winters, setten de Langwarsters de stap derûnder en kamen to
hjarres, wiken útfenhûs. De jongefammen, om it borduren to learen en ’t
kantstopjen en de âlderein socht syn fordiwedaezje yn ’e kegel- ef ’e
kolfbaen en ’e fortoaning fen in moaije frânske klucht ef oare
jounpret, hwer it sims hwet al to frânsk frank-en-frij-út sei waerde en
’t for ’t jongfolk dos gjin trewis wie. En Falentijn, yn mimer wei,
makke it foarútsjen op dy moaije simmer, der op dy stille wetters, nou
al wer bliid. En hy makke al plannen, ast ris ta rintenierjen kaem,
scoe ’r hinnegean en litte in foech forblyfke sette by de Langwarder
Wielen en bliûwe der nachts, as ’t ris skoan bite woe.—

„Hwet skilt dy, Bet?” pleage Jehannes en seach ris mei niget nei syn
lyts sisterke, noch o sa jong yn hjar brúnsidene, wiidútsteande
staesjejurk, fjouwerkantich útsnien, det min it biloop fen it wite
halske nei de schouderkes sjen koe, heal en heal wei ûnder hwet
wytsidene kant. It blanke fel skimere ’r troch en hiel bretael in
swartbrún deaplakje, djip yn ’e nekke. As bleek paerlemoer slingere him
ien inkeld stringkje pearels om de mûtele bocht fen hjar hals.

Bet seach prot.... hja hie hjar moed net. In minne middei west hjoed.
Dy Doedt Ripperda mei hjar ynfieren gesnjit! Doarst hjar to ûnderstean
en sette mei hjar moaijere jurk en hjar greater bosk hier en o! hwet
wie ’t hird, om ’t bikenne to moatten! hjar kreazens fen antlit! hjar,
Elisabeth Angelique Falentijn yn ’t skaed! Foart ’t earst ûndergyng se
de bittere tobekset fen net nûmmer ien wêze to kinnen! fielde it, dy
der waerd’ biwûndere! mear as hja! En Doedt wie mear! ried yn in
karosse mei in kroantsje, wie bisibbe oan ’e adel fen hiele Fryslân en
al wie heit ek fornaem.... hy wie lekkenwever en bleau ’t, in graedtsje
minder yn tel as selst de earmste jonker!

Bet stume stil en skoude de biten fen ’e brogge onwillich wei troch ’t
kielsgat en diich mar krekt, ef hearde se net iens, hwet Jehannes sei.
Heit en mem hiene it wakkere drok earst oer ’e patriotten, do oer
Andersen.... smeulsk loek se oan ’e mûlshoeken, hwerom moast der wer
safolle tiid oer hinnegean, licht wol in jier twa, eart dy freger en
bieder it roaije scoene? Foarsichtich is goed, mar ’t izer is mar
ienkear hjit, gnap man, dy-t it den wit to smeijen!

„Hast altomets in min sin? Hearst net, hwet Jehannes seit?” frege mem
ynienen moi lûd-wei.

Mei in hoart hie Bet hjar tinzen wer yn ’e macht—’t antlit effene him
ta onforskilligens. „Woest witte fen ’e bisite? Nou, det wie net folle
bisûnders. Mar min hat net oars.”

„Dû hearst der nou ienkear by,” bisêftige mem. „Wy ljue, ha ús frjeonen
net mear for ’t kiezen. Jehannes, det wistû ek wol en jonge fammen
binn’ hjir net sa planteit. Bet heart nou ta de alderearsten. Binaud,
det der allegear jonges binne by de Muliers, de Beuckers en ’e
Holdinga’s en hielendal gjin fammebern.

„Ryklef sei, Doedt is by Ripperda’s,” kaem Jehannes yn ’t sin en do-t
hy dy namme útspriek, wie ’t krekt, as waerde der ek in wûndere
forwachting op ’t selde stuit yn syn herte berne, krekt as scoe hiele
Ljouwert nou oars wirde!

„Ja dy....” en Bet waerde libben. „Tink dû mar net mear, det se dij
noch sjocht, jongkje, omtst mei hjar boarte hast en mei Wobbe. Dy
hinget de frânske „dame” út. En in wyske! En klean! Dy set ús
allegearre yn ’t skaed! De hiele aerdichheit is der by my al ôf for
Snein.”

„Nou, nou,” bisêftige Falentijn. „Litst dy oer staek sette troch ’t
earste ’t bêste útfenhûzerke? Snein is ’t wer praten. ’t Hat syn
útfallen, sei de ruter, hjoed in niet en moarn de hûnderttûzen. Hja hat
dochs wol in fetsoenlik kleed, net mem?” Krekt as seach heit hjar der
al stean yn al dy pracht by mefrou de Witt yn in âld slûk kemelshierren
pakje fen memmes.

„Dû wist, ho ’k sels gesteld bin op soks,” sei mem en makke hjar breed
yn ’e briedstoel. „’t Fanke kin krije, hwet hjar haget, mar noait goed
is ’t mei jimm’. De hiele joun sitst al to stúmjen.”

„Bist me dochs net siik?!” en Jehannes hie se al by de pols.

Hja sloech kwânskwiis fen hjar ôf en do bigoanen dy beide bern der
mei-inoar to oangean en to maljeijen, det hearren en sjen forgyng yen
derby.

„Kom, laeitsje ris,” sei Jehannes en hâldde hjar beide lytse hantsjes
yn ’e knipe fen syn iene geweldige brune. Hy hie se nou yn in hoeke fen
’e keamer by ’t bedsket, der se as bern ek al jerne boartsje mochten.

„Lit my los,” lustere se, warch lake fen ’t regjerjen, „’k sil dy hwet
fortelle,” en as lyts broerke en sisterke mûskoppen se mei-inoar yn ’t
hoekje. „Doedt diich dy de greate eare oan, om nei dy to freegjen.”

„Ea rin,” sei hy en fielde, hy waerd sa read as in skoaljonge.

„Doch wier,” andere hja.

„Hwet sei se,” pinfiske hy nou hiel sunich en bûgde him, great en foars
as ’r wie, hielendal foaroer. Bet gekjage graech, mar ’e earnst fen ’e
dingen ûnthillige hja net, det wist hy wol.

„As Wobbe en dû noch frjeonen wierne,” sei se.

„En do....” tante hy.

”Ja, sei ik, fensels altyd Tongersdeijounes. En do lake se hwette
gnyskjend. Pas mar op, hja hat mûzetoskjes. En do sei se: ’t scil my al
ris nij dwaen, hwa-t de kat noch ris jaget yn dy frjeonskip fen David
en Jonathan, ’t Is me in ding.... Ik woe wol, det se ûren fier wie,”
suchte de lytse oprjuchte Bet en forklanke sa hjar inerlikste ik, det
him forwarde tsjin de oermacht fen dizze nijynkomling.

„Dû bist in raer fanke,” pleage ’r hjar en do ynienen tige earnstig en
sêft: „lytse sister.... dû bist net bistand tsjin sokken. In man moat
komme, dy kriget se mak. Sokken wolle bihearske wirde troch machtigen.”

„Ik hâld net fan slaven,” sei lytse Bet.

„Fen whet?”

„Fen slaven,” skreauwde Bet ynienen lûd. François Falentijn stiek de
holle op, hy eage troch de wolken reek nei de bern.

„Net sa oangean. ’t Giet tsjin ’e nacht,” moanne hy glimkjend, wylt ’r
soarchfâldich de pipe mei de hazzesprong útpluze en yn ’e stander
sette.

De klok sloech tsjien, de rottelwacht gyng om. Jehannes joech him ôf
nei hûs, iensum, lyts minske yn ’e stille strietten, hwer de greate
heechtoppe huzen weidodden yn skaden. De wacht rottele nou noch fier
ôf, de heimsinnigheden fen ’e âlde sted bigoanen wekker to wirden en yn
hoeken en hernen om to spûkjen as in stik stoarje, ienris like goed
wirklikkeit as ’e foetprint fen ’e nou libjende minske.

En Jehannes Falentijn tochte al wer om lytse Doedt Ripperda.

As in jonge roas, dy-t yn nachtedau stie yn dizze syn âlde sted....




IV.


Yn ’t Súd-Westen groeide in swarte wolken, djip ûnder de sinne groeide
’r, yn ’e lijte fen ’e wyn, dy-t hinne en wer gyng fen ’t Westen nei ’t
Noard-Westen, as in sterke, dy-t klinge en delte mint. De gouden
bledden fen ’e beammen makken sims noch sêfte wynmesyk, de tokken
hâldden se noch oan sterke simmersnaren. Mar yn ’e foarnacht, as de
wûndre froastman krêkjend oer ’e ierde gyng, den rekten se dochs in
bytsje fen âlderdom en in inkelden ien hie al in brek, mar hwa hearde
dy iene wanklank ûnder al dy tûzenen, suver stimd noch fen
simmerwaermte en groei fen lange ljochte dagen. En hja waeiden eroer as
gouden mearkebledden oan reuzebeammen, dy-t allinne stiene yn wâlden,
hwer bernefoetten komme kinne.

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide. De sinne, waerm en read fen
Septimberwille, sonk al tichter nei hjar ta, as hie in frjemde
seilstien syn tûzen krêften útstjûrd ta in forlokkinge, om hwet goed en
hearlik wie en heech, yn in hel fen tinende swarte nachten to
bigraven....

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide—stie al boppe fiere beammen.... âld
en strang. Under by hjar stammen wenne it tsjuster en de freez, hwet
der joun komme scoe, prike hjar al ta de lytste, fynste tokjes as
ûnwaersrûzjen út. Mar derboppe yn hjar krunen, der lake de ljachte joun
noch, helder en jong, lake in gouden laeits, lake mei ljachte fonken en
kleurigheit en syn waerme sinnehânnen aeiden de griene bledden, dy-t
nou ynienen wer stil hingen, as gyng der hjarren eats greats foarby,
lok ef leed. Der wipten noch fûgeltsjes yn ’e tokken om, blausyskes en
skelfinken, mar de sang fen ’e klyster en it koeren fen ’e houtdouwen
wie stoarn. Hja dreauwne mei de lichte simmertwirren foart en skerpen
nou hjar snebben op hwa wit ho fiere rotsen, hwer de waermte as weagen
oer ’e huverige ierde sloech en ’t droege stôf op hege palmen lei.

De wolken yn ’t Súd-Westen groeide.... rikte bigearlik nei de felreade
sinne mei swarte, wrede hânnen, wiet fen kâlde buien. Sjoch him rikken,
de geweldige, mei syn sterke hânnen! As fangearms binn’ se, bilust op
’e hearlikheit fen it ûnbidoarne, reine each, hwer se optslach hjar
skaden oerhinne smite scille, det de gouden glâns der út weitriennet as
kostlike oalje en noch skoften op ’e weagen fen ’e loft omkralet.

Der ynienen....! O! is dit noch diselde dei fen nys ansens? Feal wirdt
de moaije ierde, de fûgels gien’ stil sitten en sette huvrich de
fearkes op, de bijen fluchte by de letbloeijende roazen wei en krûpe
slûch yn ’e hoale, de ierde is ongedien ûnder hjar tichte
Septimberpracht. O hja fielt de foarpine al fen ’e dead, syn giftige
pripnuddel yn ’t bloeijende fleis, waerm fen hjit, fel libben! En dit!
dit is syn ôfskading syn wrede foarloper! En hja stelt hjar to war,
makket hjar sterk for in lêste wrede woarstling, as ’t om dea giet.

Der is de swarte wolken.... As efter de foarhang fen in stille,
ûnthillige timpel lit hja de sinne deabliede efter hjar ûntrochgrounber
swart en it poarpren bloed dript lange smertepaden de blauwe loft lâns.
Dy birint, al mear en mear, ticht mei dounsige wolkjes. Hja komme
opsetten fen alle kanten, stil en sterk en wrotte en dwale en kringe yn
inoar om as Febrewarisskossen op in blauwe mar, as de iere maitiid
bigjint to sykheljen. De sinne is wei, de lêste bloedreade drip
forwettert yn loftskûm.

Nou komt der in sûzjen oan út de fierte, krekt as fiere wetters
bliid-wei op ien greate, smelle slûs tarinnen komme, in foarsmaek fen
séfrijdom op hjar wrede weagetongen. Hwer ’s nou de frede fen tomiddei
bleauwn? Kâld en skrousk krimpt de wyn, Súd, ja djip Súd wirdt ’r, der
slûpt ’r hinne, der is ’r dochs húsriem.

Mei ien brede earmswaei tynt de swarte wolken nou ta stjelpige rein, ta
stoarm, ta hjerst!

Sjoch de âlde sted, ho-t hja teistere wirdt yn ’e stryd fen ’e
jiergetiiden! Hjar âlde huzen sidderje, hjar âlde beammen alje en
kreunje oan ’e forlittene greften. Al it leed fen ieuwen libbet wer,
wirdt wer great, dwaelt yn wylde jachten de deadske strietten lâns,
hwer de goudene bledden yn deastryd lizze to krimpen en to skronfeljen,
spûket yn ’e stille hernen om, tôget eineleaze wegen syn selde bitter
lot, syn syktme, forlies, forlangst, syn nea ûntfinzen ljeafde, syn nea
forgetten haet. En boppe alles út gûlt de stoarm, gûlt mei lange
úthalen!

Der ’s drift oan ’e loft, drift en geweld, as hastige ruterbinden jeije
de swiere reinwolkens de moanne foarby, dy-t heech en koel glimket yn
hjar earste skynwêzen. En de rein klettert. Wol ’r de toastige ierde
nou ris yn ien nacht sêdzje....?

En dy drinkt nou! dy drinkt! O sillige moaije dagen, joechst hjar
waermte en stiltme en sinneskyn, mar nou ’t de rein komt, de
libbensdrank, forjit hja jimm’, forjit! en drinkt, det it klokket der
oer. Scil hja hjar net sterk meitsje meije for dy nije simmer, dy
kommende, hwer hja de heimnis al fen sjoen hat yn ’t nije sprútsel,
djip ûnder ’t hjerstbled fen d’âld beam.

Sa waerd ûnforhoeds dit jier, wylt de stoarm op ’e hoarn blies en in
wylde stoet fen reinwolkens foar him útjage as bút-biluste hounen, de
hjerst berne. De dilder, de stadige trêdder nei ’t iensume winterhûs.

En de Sneintomoarns hingen de reingazen noch oer de huzen en skynde de
sinne sa flau, krekt as boarre hjar ljocht troch biroan feletten glês,
fen gjin brânflammen yn tûzen tuten lottre. Sims wie ’t nou efkes stil,
den knikkere de rein en heil wer op ’e pannen en rôlle yn ’t lead fen
’e goatten en hearde min it swiere neirûzjen yn ’e bolwirksbeammen. As
in girle fen skutte gyngen se om ’e sted en rikten inoar de
moskbigroeide tokken, frjeonehânnen, dy-t ien wyt foar eagen ha.

In boatsje wie losrekke en dreau nou heal oerside yn ’e stedsgreft
om—bleau einliks yn dea wetter lizzen. In âld roek gyng der op sitten
to loeren, deastil, reinkralen op ’e gledde fear. Boppe him raesden in
stikmennich wylde goezzen. Ho hjerstich en onwarich klonk hjar skreau
oer it forlittene lân! Der hinge ek in tinne reinmist, krekt as barde
der optheden hwet heimsinnigs yn ’e natuer, hwer gjin eagen oer gean
mochten. ’t Wie noch stil op ’e dyk, de wiete slinger bochte iensum
troch de griene lânsdouwe, dy stille Sneine fen Hjerstmoanne 1795. De
neigalm fen ’e stoarm wie der noch wol, mar ’t fallen fen ’e rein
waerd’ sêfter en ’r wie in memmige seine yn ’t delkommen fen ’e drippen
op it toarre gêrs en de earmskearde stoppel, dy-t der foarlei as in âld
skierkert, hwaem ynhalige bern de lêste oartsen ôfpangele ha.

De frucht wie binnedoar, namsto swietter de tins oan ’e wissichheit fen
bisit, as de stoarmrover om ’e skûrre strúnt en neat fynt as it tek fen
’e greate skûrre, hwer hy yn om haffelt as in bytlik hynsder, geef fen
tosk.

Yn ’e fierte klonk in swiere stap op ’e wiete wei. Stadich gyng ’t....
it waerde net iens in wanklank yn ’e moarnsfrede. De ruter hearde ek sa
krekt by it hiele gea, dizze moarne—mei syn âld tabbert oan en syn
bienbitich antlit ûnder ’e sutrige hoed, suver as wie hy de hjerst
sels, de âlde stoarmer, dy-t mei ’t greate, sterke libben fen nature
selst in wraksel oandoar. De wyn waeide yn syn mantel, dy-t útstie as
in seil—de rein dripte fen syn âld hoed, hy mirk it net iens, ried yn
stúdzje wei foart, mei de sêfte, maklike soeijing fen in bikwaem âld
rutersman op ’e willige hynsterêch, der in skurf seal op lei, det him
ek gjin ien forginne scoe. It appelich hier fen ’e skimmel wie wyt fen
âlderdom, syn sealrêgige rêch glimde fen rein. Oan ’e fiterlokken fen
syn meagere skonken hinge de blabze en hy liet likegoed as syn hear de
kop mismoedich hingje.

In nije bui jage ynienen oer ’t fjild, de âld man kroep tichter yn syn
mantel en stjûrde nei de lijte fen ’t struwel ta. Foartdaedlik by him
roan in moai jong foshynsder yn ’t lân, hy wrinske tsjin syn âlde
kammeraet en kaem skean oer ’t lân wei oandrafkjen, de stirt as in
waeijer en ’e nekke kroes. Foar de wringe bleau ’r stean. Dy wie
gleonwyt opfarwe, suver gril stiek it ôf tsjin ’t grien fen ’e
ûnderwal. Mei ’t gesicht op dy wite wringe wachte ’r, det de rein hwet
lichte en do ried ’r op in fiskjagersdrafke op Ljouwert ta. Nimmen
seach him, reisber folk wie der noch net warber op de hearrewei nei
Grins, de sted hie de eagen ek noch ticht, al wie yn ’e omkrite de dei
oars al wer ûren âld.

Foar in sutrige stâl yn in sydstriette liet ’r him mei de stive swaei
fen in âld man fen ’t hynsder falle, diich ’n doar op en gyng yn ’e
hûs. It hynsder roan him nei as in houn en socht syn waerme stâl, hwer
’t roek fen hjouwer en oare bigearlike dingen. In man slûpte him
efternei en makke de gaspen fen ’t seal los en wreau him de wiettens
fen ’e lea, hiel foarsichtich en soarchlik. Do gyng hy yn ’e hûs en
dronk in kûmfol waerme kofje by de fammen en diich in steil wird oer ’e
reboelje fen forline wike. Hiene guont soldaten net wegere, om Oranje
ôf to swarren en de eed fen trou ôf to lizzen oan ’t nije regear! Hja
stiene derfoar en by tsjienen hiene se de boeijens oankrige en wierne
yn ’t Blokhús set op wetter en brea. En hjir waerde syn lûd sa sêft,
det de fammen forstiene him kwalik: jonker Ryklef en in pear oare
stânfriezen forpoften it ek. Sa ’n smet scoe der net op syn sabel
komme, hie ’r lûd roppen en him foar de eagen fen al syn ruterfolk
dwerstroch britsen en der delsmiten. Det hie me in opskûr jown! Hiel
Ljouwert wie der fol fen.... hja hiene der al in sang op, dy forkoft
Schreuder yn ’e Wide Steech, moarnsier, en betiid troch ’t
kelderfinster for in dûbbelstûr. It wie in bihyplike nearringe, hwent
nimmen mocht op eigen manne boete eat printsje litte, de hege frânske
hearen moasten der earst yn omgnúvd ha, as der wol neat yn stie, det it
nij regear skea dwaen koe.

De fammen lieten de brij der by oersiere en ’t fjûr der hast by útgean,
ho harken se mei saun pear earen! ho forwinsken se dy Frânsken, dy-t
nou for mastersfeint opspylje doarsten!

En Minne Pjirkes stoppe de piip yetteris út ’e âld pûdde, bêste
Jouwster hearebaei, det einliks yn minheare syn pultrum thúshearde. Mar
Sneins, den libben minheare en hy yn mienskip fen goederen, fielde ’r
altyd en minheare.... och, dy kniep wolris in each ticht. Toeback wie
sa pipende djûr en ho scoe in earm man as hy oars de fonken fen ’e
fjûrstien yn ’e tondelpot slaen en it geniet hawwe kinne fen de geur
fen ’t earste triedtsje, yn brân set en yn reek weikrinkele....

En hy diich halen oan ’e piip, det de fonken stouden der nei. Willemke,
de kokenfaem, snúfde de geur op as lodderein en hâldde in swevelstok
oan ’e gleonte fen syn piip en sette ’r it fjûr mei oan ûnder ’e hege
skoarstien. Hja mocht der hiel wol oer, as Minne ris efkes by de skerm
siet to smoken en as Ael der den mar út wie, scoe min den hast net
tinke kinne, det se sa yn hjar eigen hûs sieten as man en wiif? Der
scoe ’t ek wol op yngean.... as minheare der ris ôf kaem to reitsjen.
Net, det se der nou sa ’n forlangst nei hie, mar in minske hat altyd in
útsjend each en der stie by hjar as eindoel altyd al wer oan Minne
Pjirkes mei syn eptich livrei, it gouden kraechje op ’e jas en ’t
hoedtsje mei ’t blau roaske, der syn goedlik antlit ûnder weilake as in
dei moaiwaer.

De piip rekke útsmookt, hy pluze noch gau in boltsje op, striek do mei
in effen gesicht ’t kammisoal gled oer ’t rinteniersbûkje en waerde op
’t selde stuit wer de eptige hearsfeint fen ’e Ripperda’s, sa ’s de
bern him koene, as hy yn folle staesje neist de koetsier siet, sa
onforweeglik as in stik stien, al raesden de jonges ek wit whet.
Allinne de lange swipe, dy libbe altyd noch, det fielden se somwilen
oan ’e striemmen op ’e kuten.

Mei de learzens fen ’e jonker yn ’e hân en ’e mantel fan minheare oer
’e earm, gyng ’r nei foaren en bleau earbidich stean, do-t minheare der
oan kaem, út ’t tún wei, it sulveren mes en in pear moaije roazeknoppen
yn ’e hân. De reindrippen rôllen ’r ôf en foelen him op ’e hierrige
hânnen. Great en breed wierne se, min seach it, der siet klam yn. Hwet
se namen, scoene se hâlde, wea! as se ’r hjar nei setten, om immen hwet
to ûntskûrren! Mar nou aeiden se de sêft-reade roazen en droegen se
hoeden yn ’e hûs, út wiette en wyn wei yn ’e skutte fen smoute mûrren
foar in finster, hwer de sinne nou en den ta ’n yn glimke as in blier
frouljuesantlit....

Der stie in fanke foar, bloun en bleek as hy, út ien laech, det seach
min optslach, al wie ’t hjir allegear frouljueseftiger, fynder en hie
de strange útkyk fen ’e manljueseagen him hjir formoaijke yn it
sêftere, jonge fen in fanke fen sechtsjin jier. ’t Sizzen gyng fen ’e
Ripperda’s, moai slach fen folk wie ’t, elts yn syn soarte, bloun ef
brún en Doedt mei hjar elfkeëftich, tear omskot, it lange, bloune
golvige hier, de greate grize eagen mei hjar donkere eachsteisters en
’t tige lyts mûltsje, net wakkere praetsk, biskamme dit sizzen net.
Skande, hja wist it sels mar al to goed, det wie hjar ienichste lek en
brek en skeinde hjar danich.

„Moarn, Doedte,” sei ’r mei âlderwetske ridderlikens en joech syn
bernsbern de roazen oer. Hja kleuren sa krekt by hjar, it teare
goudbloun fen hjar hier, de earnst fen hjar greate grize eagen ljachte
’r suver fen op en hy krige de iene en dy stiek ’r hjar foar by de kant
fen ’t jakje yn. O ho tear wierne syn hânnen nou!.... en Doedte, jong
ding, roan op ’e spegel ta en biseach hjarsels, kwier draeitopke op
hiele hege hakjes, it hier as in toer opsteapele op ’t fine holtsje en
hâldden fen in oeribele greate skildpatten nekkekaem, presint fen
Ryklefom en opdien op syn reizen.

„Foar dy spegel wei!” sei âlde Ripperda ynienen strang. „Det beppe dy
net sjocht!”

Mar beppe seach al en lake ûnder ’e greate tuitmûts en toch om ’e
jonkheit fen Doedte mem, ek ienkear sa bloun, sa frolik as hja, nou al
lang as in iensum sinnestrieltsje weisonken yn ’t skaed fen dead. En de
laeits forgyng wer droef-wei fen beppe lippen. En beppe loek Doedte
koartmillich jakje rjucht en pluze de kant fen ’e mouwen út.

Do seach se tafallich yn ’t ljocht op nei hjar man. Syn âld, wyt, ticht
bosk hier wie noch wiet. „Scilst’ nou noait wizer wirde?” kibbe se
goelik-wei. „Det yn det minne waer. ’k Woe dy wizer ha, Regnerus.”

„Dû wist, nou en den moat ’k der ris út. Moat ’k mei my-sels allinne
wêze, Hanne,” lei hy der dimmen tsjin yn, hiel stadich, krekt as wierne
syn tinsen wit hwer oars. Hja mirk it al sont dagen.... Ryklef koe by
tiden ek sa stoarje en kaem sims yn dagen net ta de doarren út. Siet
der hjar hwet dwars? Kaem ’t fen de reboelje fen forline wike? Mar hy
hie ommers syn ontslach naem.... en sa scoe de saek wol deabliede....
hie Easgama sei en der hjar onrêst hwet mei delbêdde. Mar it wie oars
sa ’n frjemde tiid tsjinwirdich, wol ringe de deisrounte fen moarn,
middei en joun de wiken oan inoar yn gewoane sleur, mar krekt sims, as
scoe al det gewoane ynienen spjalte en min hwet frjemds, freesliks
sjen, eat, det nou noch slomme yn ’t tsjuster. Ho faken hie se net yn
noed sitten om Ryklef.... dy wie langer oars as oars....
onforskilliger, wreder en stoefer. Seis bern hie se hawn, mar krekt
dizze jonge kipte him derút, dizze, der se it âldermâlst mei wie fen
allegearre, bleau sa fier fen hjar. Flot en fleurich foar ’t each, wie
’r dochs in eigenlibber, in sluten boek, det licht noait ien opslaen
scoe en lêze it inerlikste fen syn wezen. Hwer hie de jonge it wei?

Tocht ’r noch om Anne? Dy wie ommers al lang troud en hjar lyts bleek
kopke seach ’r allinne mar mear yn tsjerke, hwent de frjeonskip twisken
hjar en ’e fen Rhé’s wie stoarn. Hja seagen nou gled-wei oan inoar
foarby. Hwet hie ’t in kwea bloed set, earst al, do-t Popke Ryklef it
baentsje ûntfytmanne en letter do det mei Anne, o hwet in hertsear! En
nou ’t fen Rhé al mear en mear yn ’e ginste fen ’e Fransken bisocht to
kommen, lieten de Prinsgesinden hjar stiltsjes-wei lofts lizze. De
Patriotten setten hjar op ’t stoeltsje, soks hage hjar as echte
parvenúes, de earste oerloper fen ’e aristocratie.... Det fen Rhé yn
1787 oars tocht hie en mennich Patriot it fjûr neijernôch oan ’e
teannen lei hie, der liet min nou gers oer groeije.... En fen Rhé,
gewiksten skerpsjogger, slûchslimme gochemert, wist, hwet ’r diich....

Hy waerde âlder, sei ’r en de baentsjes, him to biswierlik, erfde
Popke, det dy wende ’r sa stadich oan, om stim mei yn ’t kappittel to
hawwen.... En de skoane ynstruijng fen Anne hjar kaptael forswiette him
sikersonk wol it lêst, fen troud man to wêzen. Min sei.... min sei....
de leidige flinterfammen yn Frentsjer lokken nou ek noch net om ’e
nocht.... tocht hja en harke ris yn ’e gong, as se Ryklef ek oankommen
hearde boppe wei. Hja hie einliks fen ’e moarn hjar moed net, der ware
hwet heimsinnigs yn ’e hûs om en Regnerus wie sa ongedurich det en sei
stoef-wei hja moasten mar net op Ryklef wachtsje, licht, det ’r him
forsljipt hie en let kaem. Hy hâldde fen oarder en regel. Stil-wei
sieten se do mei hjar trijen om ’e tafel, nou en den foel der in inkeld
wird, mar ’t forbrede him net ta in algemien petear.

De Sneinsklokken bigoanen to lieden, klapten en songen as blide fûgels
yn ’e loft. Oeral sljipte it wirk, min fielde it, ho hage de âld sted
hjar stiltme, krekt as se in nij frjemd kleed oantein hie en nou stil
hjar eigen moaijens biseach. In forreinde sinneblink lôke yn ’e keamer,
weefde fine gouden triedden oer ’t âld húsrie en ’t swiere goudlearen
bihang, hwer frjemde, nea wesentlike blommen langstme-ranken útskeaten
nei de souderbalken ta. Der libbe al in lyts hjerstfjurke ûnder ’e
skoarstien.... de wyn sûge mei heftige rukken de reek yn ’e skoarstien
op en Juno, d’âld wynhoun, roek ’r mei de fine noas nei en seach den
wer nei it wynderjen fen ’t bûnte Sineeske skoarstienkleed. By tiiden
gyng de wyn troch de holle keamer en rissele it bihang as de toarre
hjerstbledden fen ’e âld kastanjebeam yn ’t tún....

As ’r net de jonge hearlikheit fen Doedte om him hinne hawn hie, scoe
Ripperda der grif wer útgien wêze, it frije fjild yn. Him, de sterke,
rôpen de sterke machten der bûtedoar, de skûrwyn, de bearende stoarmige
buien, de roppers fen ’e hjerstdagen en ’e troch alles hinne geande
sterke geuren fen ’e groun, dy-t mei soune, sterke longen kreften garre
for de lange winter. As ’r de wyn sa om ’t hûs waeijen hearde, krige ’r
altyd noch wer forlangst nei syn âld stins yn ’e Bjirmen, hwer nou syn
âldste jonge op wenne en scoe hy der noch wol ris wer op útgean wolle
mei ’t gewear en jeije de hazzen op út ’t forskûl ef fiskje yn
tsjustere moanne-waer op iel yn ’e tochtsleatten. Mar syn âld skonken
woene ’t net mear lije, de jicht pleage him by tiiden
alderearmoedichst. Hy wie fen in taei, âld en soun laech.... hy tócht
noch net om testemintsjen.... al wist ’r, de âlde dei stie al op syn
paed, smiet syn skaed oer ’e sinnige wei.

Mefrou Ripperda en Doedte gyngen nei tsjerke[1].... de stille,
skjin-reinde strietten lâns. Alle simmerstôf wie weispield.... lette
roazen bloeiden iepen oer ’e lege mûrkes fen ’e tunen en yn ’e lytse
rútsjes fen ’e finsters lei de glim fen ’e foardei mei hiele wiffe
sinneblinken, sá gril.... sá wei....

 [1] De Geate Tsjerke wie fen April ôf oan sawhet ein Sept. 1795 ta
 brûkt as hospitael. Yn dy tiid waerden ek de grêven fen de Prinselike
 femylje fornield en hjar stôf op in alderskandaligste menear fierder
 fornietige.—

    Dizze dei waerde der wer for ’t earst yn preke.—

De klokken letten.... hja gyngen ’t Heech op nei de Tsjerkstriette en
steatlik rûzde mefrou Ripperda, breed fen in mennichte stiifsidene
rokken, ta de tsjerke yn, neiteante fen Doedte, hiel jong, hiel
famkeëftich efter hjar oan. Durk koster kaem mei hasten oandraven en
droech hjar ’t readdemasten kjessen mei ’t wapen nei en slute mei in
bult strykaesjes it hokje. In fêst sit wie ’t. Geslachten fen
Ripperda’s hiene hjir út wei nei de prekers harke, mennich-ien fen
hjarren lei ta stôf formôge nou yn dizze wijde groun. Pake hie Doedt de
skiednisboeken wol ris jown to lêzen.... ho blierke den hjar each, as
se aloan wer diselde ljeave namme foun, dy-t hja ommers ek droech. Fen
hjar moed fortelden se en fen hjar trou, fen ’e fiere reizen, dy-t se
dien en ’e skinkingen, dy-t se jown hiene oan kleasters en tsjerken en
einliks, den waerde hy net mear noemeneare. De skiednis skreau mei in
nije pinne de nije namme: de soan, de erfnamme.

Mefrou Ripperda stompte hjar oan: dreame Doedte? Sjoch, der wie ommers
Elske Baerdt, Elske mei in kyps mei in luifeltsje en der roazen ûnder
út en ek al kielbânnen en minhear Falentijn, hiel deftich, in âld
patriciër yn ’t swart lekken, en Bet en Jehannes.

Doedte seach op en liet de kleare onskildige eagen fol wiis fornim oer
’e tsjerke gean. It oargel sette yn.... ho brûzden nou de toanen as in
liet fol wijinge troch de rûmte.... ho song de fuga fen Bach mei lûd en
wjerlûd yn hearlikheit.... Stadich kaem minhear Falentijn it naue
paedtsje lâns op hjar yn.... as sulver syn snikwyt hier, hiel donker en
earnstich syn eagen, selst do-t ’r mei in djippe bûging mefrou Ripperda
hjar hokje foarbygyng. Deun efter him gyng syn soan. Doedte seach him
en hy hjar.... ef einliks ek net mear, hwent der kaem in flueske foar
hjar eagen en in wûndre, nije fieling binaem hjar op itselde stuit
suver it omtinken. It wie sa frjemd.... it gyng sa gau.... hja bûgde
hjar kopke foardel en do-t se efkes letter wer opseach, wie hy weiwaen
en François Falentijn siet yn ’t fjouwerkant en lies yn syn Bibel.

Hwet wierne de wirden fen ’e preker dy moarne tapaslik op earnst fen ’e
tiiden. Hy hie ’t oer ’e saun en fyftichste Psalm en hûnderten fielden
de eangstme fen in David nei en hopen as hy op in blide útkomste. Dy
scoe ek wol wer komme for ’t heitelân, mar hofolle triennen, scoene der
earst noch skriemd wirde moatte, miskien hofolle kostlike libbens
opoffere oan ’e frjemdling, dy-t as in wrede meander alles ta him
bigoan to nimmen, hwet mar waerde hie.

Hwet dit jier noch jaen scoe, it lei noch as in sluten boek, mar it
memmehert fen mefrou Ripperda, o! de ljeafde fielt sa fyn!.... bineare
in druk, hja wist sels net ho.... Alle dagen brochten nijs.... de
patriotte-partij woan by den dei, spriek óp, makke him ta man en dy-t
to mûlryp wie en doarst him to ûnderstean en sizze hjarren it mannuael
op.... welnou, de Blokhúsdoarren wierne willich, om op to gean. Den
waerden de kraeijers wol njúd.... hiel stil selst, hwent de boal syn
hânnen wierne ek rap en inkelde patriotten fielden in danigen oanstryd,
om nou-t hja guont fen ’e tsjinpartij yn hânnen hiene as de kat de mûs,
dy ek ris fiele to litten, ho-t in giseling smakke ef ’t brânmark, det
hjar sels hjar libben lang skeinde.

Inkele greateljues huzen, dy hjar lûken bleauwne mar ticht, sa ’s ’t
hjitte wierne hja noch nei de simmerwenten ta, mar de ekstraposten,
dy-t by nacht en ûntiid de hearrewei lâns jagen nei de Limmer ta,
wisten ’r wol mear fen. Oer ’e Sudersé, nei Amsterdam en den for in
pong mei dukaten nei Ingelân ta. Der wierne se tominsen feilich.

Tongersdei yn ’e foarnacht kaem sa fen Asbeck[2] ek noch to hjarres,
reisfeardich, in wolbiredt jongkearel, dy-t it bloed ek hjit waen wie
by ’t sjen fen safolle ûnrjucht en dy-t nou de wyk spylje moast en
ringen ek! It barnde op ’e neil.... de Freede sneupten de gens d’armes
by hjarres al ’t hûs nei, as ’r der ek wie. Mar hy sylde al lang foar
in moaije Easterkoelte ôf oer ’e Sudersé en dreau nou licht al op
Ingelân oan, tocht mefrou Ripperda bliid en helle hjar alles noch ris
wer foar ’e geest, ho-t ’r as jongkje ta hjarres kaem mei de swarte
eachjes hiel blier yn ’t smelle antlit, as Ryklef en hy yn ’e âld
bijestâl gyngen to boartsjen en hja se elk in apel meijoech, en letter
de opslûpen jonge op de greate brune merje, der ’r as in lytse prins op
oandraven kaem, it prûkje o sa wyt ûnder ’t steekje en de meagere brune
jongeshals hiel lang út it tichtknope jaske. Nou wie ’r great, syn
earste died hie forset west tsjin ’t gesach. Det scoe him dûken leare!
ho spotsk lake ’r! hy gyng. En ho lang scoe ’t dûrje, eart ’r werom
kaem? Scoe ’r ea werom komme en sitte mei hjar om ’e hird en skake mei
Ryklef om in fijfje?

 [2] Gerrit Ferdinand baron fen Asbeck, berne de 30e fen Septimber op
 Oenemastate to Wirdum. Fen 1789–1795 ritmaster yn Syn Trochloftige
 Heechheits liifregiment Oranje-Fryslân. Fluchte yn 1795, kaem werom yn
 1809, waerd do ketierdrost fen Ljouwert, letter maire op ’t Ammelân.
 Yn 1813 commandant fen ’e nationale Garde yn Fryslân. Stoar de 4e fen
 April 1836.

En ynienen fleach ’t hjar oan!.... as Ryklef sa ek ris gyng.... hja
scoe ’t bistjerre! Hja koe him net misse, det lêste bern fen hjar
ljeafde! Hja wist it, hy wie like goed as fen Asbeck in hjitholligen
jongkearel, fol jong fjûr, dy-t miende izer mei hânnen brekke to kinnen
en yn ’t bisef fen syn jonge kreft wol de heechste bolwirken doarst to
bistoarmjen.

Hja skrandere hjar âlde eagen op.... hwer siet ’r? Hy wie in trou
tsjerkgonger.... mar ho-t se nou ek kúrde, hja miste him op ’e krêke,
hwer se syn moai manlik antlit oars altyd gau yn ’t fesier hie, de
riddersman, dy-t der him útkipte ûnder gewoane folk. Scoe der fen ’e
moarn thús bleauwn wêze? Hjar tinsen bleauwne der net oan hingjen, wylt
it lêste sjongen bigoan, speurde se de nijtsjes op ûnder it
tsjerkefolk.... joech nau acht, hwaens sitten leech wierne en hwa-t de
djûrste doek om hie en de bûntste kyps op en ynienen markbite se
minhear fen Rhé. It loerdige yn syn eagen trof hjar as in
wjerljochtslach. Hwet woe ’r? Hja koe him net daeije.... út noch yn
net.... Sette det folk Ryklef net altyd de foet dwars?

Anne hiene se him ûntfytmanne en mefrou Ripperda suchte.... o Ryklef
wie dodestiids wylde wegen gien! wit, hwet se nou wer útfounen! It wie
’t ivige gewraksel fen twa autocraten yn ien lytse stêd, elts foar oar
skripte, om nûmmer ien to bliûwen, hja, de Ripperda’s wierne it troch
hjar adel en de fen Rhé’s troch hjar ynfloed, dy-t tsjinwirdich groeide
mei skoaten as in ienjierrige sinneblom.

Hja wie stil ûnder ’t nei hûs gean.... en Doedt waerd’ fen ’e
weromstuit ek swijgsum. By hjar thússes founen se in hiel gearset om ’e
roune tafel, allegear Oranje tagedien en heit yn ’t foarmidden. De post
wie oankaem, in hiel feest! de nijste tynge fen ’e bûtewrâld, mar
fensels, der wie al wer in wike oer forroan oer ’t lêste nijs. Der stie
’t, brieven fol, de steile letters bidaerd wei delskreauwn mei de
wolforsniene goezzefearrene pinne en oertocht ûnder ’t smoken fen in
pypfol hearebaei, mar o! min hearde ’r de neiboldering yn fen ’e swiere
seën, dy-t der yn ’e frjemdte gyngen!

Minhear Viersen lei ’t mei de hânnen út, hy wie in biweechlik man, sims
diich ’r suver joadich, tocht mefrou Ripperda en syn swarte eagen koene
as gitkralen glinsterje yn ’t djip fen ’e kassen. Hopperus, Anne hjar
omke, stie der by, as gyng ’t him allegear net oan.... en dochs wie
nimmen sa fel gebeten op ’e Frânsken as krekt hy, hy scoe Popke ’t fjûr
noch wol ris neijernôch oan ’e teannen lizze kinne, as ’r Anne net goed
bihânnele. En den siet der noch stil yn in hoekje, och min seach him
suver oer ’e holle: Willem fen Heemstra,[3] hiel blond, hiel tear....
stil. Greater contrast as Ryklef en hy wie der net. Beide jong, beide
heech fen steat, beide by ’t peerdefolk yn tsjinst fen Oranje, mar yn
aerd en wezen twa útersten....

 [3] Willem Hendrik baron fen Heemstra, berne 1779, naem de flucht yn
 1797 nei Ingelân ta. Letter yn ’e brigade fen ’e Prins fen Oranje op
 it eilân Wight. Kaem yn 1803 werom, waerde yn 1809 commisaris fen ’e
 forponding yn Collum en yn 1813 maire fen Aldwâld. Letter grytman fen
 Collumerlan en lid fen ’e Steaten fen Fryslân. Stoarn to Ljouwert 30
 Decimber 1826.

En beppe seach Willem en Doedte al togearre, jonge bern, dy-t de wrâld
yngean scille as nei in great feest.

De manljue praetten en diene de hiele middei.... do-t Ryklef ynkaem,
hearde se wol, gyng de doar op ’t slot. It waerde binaude stil yn ’e
hûs.... krekt as sette in swiere hân in domper op al it lûd en hime det
nou hertstochtelik yn smoarde klanken syn leed út. It waer waerde ek
wer minder.... der kaem in hjerstrein út it Westen oanstoarmjen en
sloech mei wrede fûsten tsjin ’e glêzen. Doedt en hja sieten nou yn ’t
seal en hiene de laden útskouwd fen ’e greate kast en snuffelen yn ’t
âld moaijs. Doedt, trinten jong ding, stie der pauwich by to sjen,
paste den in kettinkje om ’t blanke halske ef liet in stringkje pearels
troch de fingers glide en aeide der oer mei hjar waerme, teare
fingerkes.

„Ast dit joun ris omdychst,” sei beppe en hâldde in fyn gouden
kettinkje foar hjar út, der flonkeren trije fjûrreade robinen oan yn in
kranske fen blaue saffieren, seldsume bûnt, kostlike moai. Doedt liet
it hjar omdwaen—as bloeddrippen lei ’t read fen ’e stiennen op ’t
mûtele wyt fen hjar jonge hals. ’t Wyt skittere ’r fen op.

„En dit om ’e hânnen,” en beppe paste hjar de swarte fewieltsjes om,
sluten mei jewielene gaspkes.

„En hwet yn ’t hier?” frege Doedt. Dy wankele toer, it wie in hiel
krewei, om dy yn ’e balans to hâlden, al siet der ek in hiel fûgelnest
fen izertried yn.

„Ryklef-om scil ek noch wol in donkre roas ha for dy en oars.... nou
den mar neat,” ornearre beppe. Sierden jonkheit en sounens hjar net?
Hjar blonde, leeljeblanke moaijens hie nin oare sier fennoaden.

En beppe sels klaeide hjar dy joune oan, dy joune fen hjar earste
feest, hinge hjar ’t swartkanten oerrokje oer ’t wytsiden ûnderrokje en
knope hjar ’t leech utsniene wytsiden spinserke ticht. Ho blank kamen
hjar skouderkes der út, it dounsene halske, hwer de robinen om
flonkeren!

Earnstich, hast yn foarstlike prael, kaem Ryklef-om hjar op ’e side en
naem hjar mei nei ’t brede finsterbank ta.

„Gien der nou ris efkes stean, dû”, sei ’r en draeide se sa, det it
felle rea-ljacht fen ’e joun foel op hjar antlit. „Ik moat dy efkes op
’t aldermoaijst sjen, Doedte.... pop!” Det sei ’r sa tear, it fanke
foar him waerde der oars fen en yn freegjende eangstme socht se syn
eagen.

Do lake ’r ynienen! O dy moaije, jonge laeits fen det antlit, sa ’s in
sinnestriel laket oer d’ierde!

En hy bûgde him foaroer en stiek hjar hiel foarsichtich in donkerreade
roas yn ’t hier. Wie ’t forbylding? fielde se syn mûle efkes, hiel
efkes op hjar halske? Mar hy bihearske him foartdaedlik ek wer as in
man, al trille syn herte fen ’e greatste drôfenisse.

Sá rieden se nei de de Witt’s ta. De rein sloech tsjin de rútsjes fen
’e karosse oan.... de lantearnen yn ’e útstoarne strietten slingeren
hinne en wer oan ’e swiere izeren hâldfêsten. Mei gierjende skûrren
jage de wyn en flappen rein swypken op ’e flinten en ’e poellen wetter
yn ’e weinspoaren sidderen yn ’t wiffe lantearneljocht mei sulveren
skimers. In earste hjerstige Sneine, as de smoute binnekeamer wer
wardearre wirdt en it petear by de hird, hwer it earste fjurke
barnt....

Mefrou Ripperda siet lyts en kâld yn in hoekje fen de wein. Eineleas
like hjar ’t ein riden nei de Witt’s ta yn dit needwaer en dochs hearde
se oan ’t flugge klappen fen ’e hynstehoeven op ’e stiennen, de brunen
sûzen deroer. Ryklef siet foar hjar oer, djip yn syn mantel. Wie ’t
tafal? De hânnen fen mem en soan moeten inoar en leine in setsje mei
sêfte triûw hiel innich yn inoar.... Sa ’s by âlds.... moast se ynienen
tinke, do-t ’r noch in jonge wie, in lytse jonge en hjar swijgsum op ’e
skirte kleau yn skimerjoun en hja him sokjes en hoazkes útdiich en ’t
lyts blau-streekjes hansopke oan en him den noch ris hiel memmich
bistoppe, as ’r op bêd lei. Den pakte ’r hjar hân ek sa stiif beet en
lei hjar mar oan to sjen, stilwei, mei syn greate brune eagen al sa
djip earnstich yn ’t bernige antlit. Hja waerde der moilik ûnder....
hjar eagen roanen fol triennen.

De koets stie foar ’t hege parradis fen Gelland de Witte hûs, op ’e ein
fen ’e Tsjerkestriette. De doarren fleagen op en ’t grille ljocht út ’e
gong biit mei feninige gnauwen nei ’t piktsjuster fen ’t foarplein.

Hja wierne de lêsten. Hjir yn ’t seal fierden nin wyn en rein feest,
hjir noade wille en ljocht. Oeral ljocht, sêft fen glâns, op ’e hege
kjersekroan, de lusters oan wjerskanten fen ’e spegel, de greate
koperen blêkers, frolikheit yn ’e eagen fen it jongfolk, det as in
kloftke flinterkes gearhokke yn in hoeke fen ’t seal en niget foun oan
elkoarme en ’e bûnte kleuren fen ’e sidene frouljuesklean, de kleurige
setinen jassen fen ’e manljue, de uniformen, stiif fen goud, jubelen
lûd tsjin it stemmige ikenhout fen ’e lambrisearing en ’e âlde kast en
’t hoekspyn mei lange-Lys stelten.

Ryklef yn syn foarse manlikens, hast in reus ûnder ’e oaren, makke as
de lêste syn compliment foar mefrou de Witt, do gyng hy troch ’t seal,
stadich yn ’t folle bisef fen syn eigen-waerde en socht it jongfolk op
yn ’e hoeke. Der hearde hy nou noch by.... hwa wit, for ho lang. Efkes
gyng der him in skokje troch de lea, miende ’r der net, Anne Hopperus
to sjen! Anne fen Rhé nou, mar och, it wie in útfenhûzerke, in bloun
jong ding as hja, mar nea syn Anne wer. En dertwisken al dy plezierige
minsken yn it frjemde hûs wist ’r hjar ynienen yn ’e heimichheit fen
syn siele by him, sa ’s se him libben-liif nea tichter west hie en
hearde hjar lûd en it sêfte: ja, my.” It wie forgien allegear, dy
moaije simmer, dy greate jeugdljeafde, hwer alles, hwet letter komt,
mar in flau neiskaed fen is en in neibloei. Noait wer de simmerknop....
it stille iepengean fen ’e greate, greate earste roas, der hiel de
kûstring yn leit fen tûzen sinnestrielen en tûzen reindrippen....
Maeijenacht.... Junidei, ja fen it hiele minskene knopjende
maitiidsjier.

Hy wie allinne bleauwn en strak ansens....! O hy woe net tinke, net
neitinke mear en noch folle minder foarút tinke. Dizze joune noch....
dizze iene joun en den....

Hy stie heal yn ’t skaed fen in gerdyn en hearde, ho-t it der bûtendoar
oan wei gyng. De blinen fen ’e efterkeamer stiene noch op—by dei seagen
dy finsters yn ’t smelle eftertún út, oer ’e stedsgreft, it fjild yn,
it hjerstige fjild, hwer de wyn mei rukken omdwaelde en dwaende wie, de
beammen keal to teppen en der it wetter yn ’e sleatten tynde út ’e
oerfolle saden wei. De beammen om ’t bolwirk rûzden, it wetter fen ’e
greft klotste tsjin in skoeiïng oan tichte by ’t tún. In doar
flapte.... it earmoedige piipjen fen ’e rostige knieren teistr’e syn
earen as in klachte yn dy lette stoarmjoun.

In minút twa stie ’r der sa, do joech ’r him wer yn ’t jongfolk, der
alles joleit wie en plaisier en fleur en laeits. De gasten fen ’e de
Witt’s, dy waerden der altyd wakker let en set, ho faken seagen dy
greate seal en opkeamer net sa ’n gearset nei tsjerktiid by kofje en
soezen, der it hiele hûs swietgeurich fen roek....! Ripperda’s wisten
der fen bern ôf oan fen mei to praten en nou Ryklef wer en Doedt, dy
wierne der as eigen bern thús, likegoed as Gelland ta hjarres.

Earst waerde der praet oer ditten en detten, den kamen de piipen oan en
joech de âlderein him om de greate roune tafel oan ’t domenearjen ef
skaken ef praette oer ’e polletyk, hiel wichtich en heallûd yn in
hoekje. De jongerein socht inoar yn ’e opkeamer, dy roan mei twa
trapkes op út it seal wei en seach yn ’t tún út. In great hol fertrek
wie ’t mei in lyts bytsje húsrie en skildere bihang op ’e mûrren, Diana
op ’e jacht en soks. En foar ’e glêzen wyt-sânlopers gerdinen, by-inoar
boun mei read bradlint.

Sá gyng ’t joun ek. Der stie Ryklef foar Bet Falentijn en makke hjar
bliid. Seach ’r net de oare frouljue oer ’e holle en spriek hjar
oan.... En yn moaije jongfammige skrutenens waerd’ se swijgsume bidêsd,
hja, flotte fleurige Bet, oars net op ’t mûltsje fallen en hjar
wûndermoaije eagen bloeiden hiel stadich wiid iepen as donkerfewielene
simmerfioelen en hjar wangkjes waerden fyn roazeread.

Mefrou Falentijn, kleurich en fleurich neist mefrou de Witt, seach it.
Det stie hjar oan! Det bigoan der nei to lykjen! Falentijn moast dy
wevery nou oan kant dwaen.... min koe ommers ’t paed effenje for immen,
dy-t yen hage. En hwet kaptael oangyng, Bet telde mei, nûmmer ien hast.
En mei memmige greatskens skerpe se hjar eagen op en seach nei hjar
fanke, hjar moai fanke fen sauntsjin jier, dy-t alles to baet hie,
jonkheit, sounens, jild en sa sterk stie se yn ’t bisef fen hjar hege
eigen-waerdij, det it der net yn woe by hjar, ho-t it lot de bêste
kansen keare litte kin en de jildpong noait in ieûw lang aloan hingje
lit foar ’t selde hûs.

It waerde in joun, dizze fen Hjerstmoanne 1795, dy-t trije minsken nea
net wer forjitte koene.

It waerde ek de joun, det Jehannes Falentijn en Doedte Ripperda inoar
wer to wird kamen. As in opslûpen fanke hie hy se for ’t lêst sjoen en
nou! nou stie se as in jonge roas to bloeijen yn syn âlde sted, nou
dreau in ûnbikende macht him derhinne.... him, de ûnbikende nei it
ûnbikende, it nije, it frjemde.

Hy kaem let.... hie nys krektsa noch de earste libbensskreau biharke
fen in jong minskebern en de greate earnst fen ’s libbens ljeaf en leed
makke it him earst swier, noch nei in jounpret ta to gean. Mar in
Sneinige, forlittene stimming spûke op syn keamers. Syn kostfrou en de
jonges wierne der út, min fielde nou de stiltme suver.... Hy krige de
fioele en striek heal yn tinsen wei, oer ’e snaren. Mar syn siele wie
der net by—dy ranke mei in nij sprútsel oer in frjemd paed.... In
iensume sykster yn ’e greate wrâld dy-t detjinge siket, hwet hjar de
folsleine ienheit jaen kin.

En hy forklaeide him dochs noch, alhiel yn ’e feestpronk. It wynkleurde
sidene kammisoal mei de hiel lange jaspânnen kaem oan en ’e echt
kantene das mei de greate pearelspjelde foar. Oare skoen waerden yette
opsocht, guont mei greate sidene strikken en goudene gaspen en pasten
wûnderwol om de fynankelige moi lytse foetten, stitsen yn ’e
aldermoaijste sidene hoazzen, dy-t der mar breide waerden fen Falentijn
syn breidsters. De klean sieten om syn kante lea, as se der om getten
wierne en de wynkleur fen ’e jas kleure goed by de donkerens fen antlit
en eagen.

Do gyng ’r heal yn ’e prakkesaesje wei, ris foar de spegel stean en
seach mei opmerksumens syn eigen brún earnstich antlit mei de skerpe
dokterseagen, de greate noas, de mûle, dy-t de swijgsumens ljeaf hie en
dy-t noch noait fen frouljueslippen roerd wie.

Do glimke ’r. Det barde net alle dagen, om yensels sa optuge to
moatten! Mei in hastige ruk wrong ’r syn brede skouders yn ’e wiete
mantel en joech him op in paed troch de stille sted, wiet, wiet! as wie
der in séweach op delstrûze.

It roan al nei tsjienen, do-t ’r de klopper falle liet en de noegjende
waermte en gesellichheit him mei hjar smoutens omearmken. Sa gau as ’r
koe, gyng ’r nei de opkeamer, fol blide forwachtinge, hwet komme scoe.
Ja wol binn’ de paden fen forwachtinge de moaijsten út it hiele
minskelibben to gean! Hy ûnderfoun it nou ek.

It wie him frjemd to moet.... bigoan in minske syn libben den earst by
de ljeafde.... al it oare preludium en droef postludium? det allinne de
kern, de midden hwer alle geestdrift, al it hege, it goede, it
wûnderhearlike út groeide en bloeide as it fine fruchtfleis om in eale
pit, it geheimste wûnder fen in hiele ierde.

De manljue fen ’e Falentijn’s hiene let ljeaf en.... ienris. Hy wist
it. Yn ’e frouljue, Diûke en Bet, streame it bretael-soune bloed fen
mem.... dy wachten net, dy dânsen jong en hastich de ljeafde-dâns,
krekt as mem, dy-t mei achttsjin jier hjar earste jonge widze hie en ’t
nou mei fiif en fjirtich jier noch opnimme koe tsjin in hopen
jongefammen.

Gelland de Witt, de moaije eagen ien skalk, siet foar de pianoforte en
song mei in ljeaf, lyts lûd in boartlike bergerette. It twangbuis fen
’t frânsk régime paste hjar hjir net, mar de frânske kinst yn hjar
fynste, geniaelste utering foun nea de slettene doar, selst hjir yn ’t
Oranje sá oanhankelike hûs boarte it fleurich, loftich sin fen ’e
harderssang. En de famkes tipten by it refrein oan ’e koartmillige
rokjes en dânsen tomûk efkes om ’e tafel hinne, bang, dat immen út ’e
greate keamer it seach.

En heal yn ’e skutte fen in blyn, hiel donker, der seach ’r hjar
ynienen, it boarterke út syn jeugd, nou it famke fen syn forlangst. It
joech him in blide skok yn syn hert. Ho machtich en fel groeide nou
ynienen syn bigearte, nou ’t se los fen ’t ket wie, net mear hâlden fen
it koel bihearske forstân!

Yn hjar jurkje fen gros de Naples stie se lyts en tear neist Ryklef en
de felle reade roas bloeide kleurich yn hjar gouden hier. Mei ien
loaits stie de print fen hjar wêzen-sa-jong-en-moai yn syn
heugenisse.... neat, hwet der letter kaem is yn syn libben, koe dit
byld fordriûwe. Hy seach de glâns fen hjar hier en it lytse earke, det
der heal biskûle efter gyng en ’e blaugrize, hiel ljachte eagen,
kristallich fen gloed en skrander fen útkyk en de reade lippen, der
noch de dau op lei fen ’t nea-oanroerde en ’t greatske halske, det hast
to foars wie for ’t fine kopke en det sa mûtel forroan yn ’e kanten fen
’t strookje.

En ynienen kaem him de wissichheit, dit waerd’ syn wiif, syn fen God
for him útornearre wiif.

En stadich roan ’r op hjar ta en seach fen alle oaren allinne hjar. En
krekt as fielde hja det, hja sloech de eagen op en seach him great en
fol oan. It like him in ivichheit fen lok.... en dochs.... it hie mar
in tel twa dûrre en bisegele it lot fen dizze beide minsken.

Do kamen se inoar for ’t earst sont jierren wer to wird.... hy hearde
hjar lûd en as in bliid klokje klonk hjar laeits him yn ’e graech
harkjende earen. Stil siet ’r nou neist hjar en forgeat yn ’t folle
geniet fen syn earste loksamerij de hiele wrâld om him hinne. Alles oan
hjar wie eachweiding for him! fen it kettingkje mei de robyntsjes ôf
aan ’e wytsetinene skoentsjes mei swartfewielene krúsbantsjes ta!

Hjar praet wie noch bernich en jong, sims efkes foel der in
sprankelich, geestich wirdtsje twisken, foarproefke, hwet der fen hjar
to forwachtsjen wie yn ’t kommende. Ja, alles wie noch forwachtinge oan
hjar.... en de dingen, de stadich kommenden, swier fen heimsinnige
moaijichheden.... hawwe in ongekende hearlikheit, der de dingen yn ’e
folheit fen wêzen net mear by yn ’t skaed stean kinne. Ommers, as de
winsk forfuld is, is der in greate freugde fen forlangen stoarn....

Ryklef mirk, ho-t it mei him gesteld wie en joech him nei in oare hoeke
fen ’e keamer ta, nou ’t Gelland ophâldde fen spyljen en sjongen en ek
mei taseach, ho-t Elske Baerdt oan ’t silhouet-knippen wie. It stie
hjar sa linich det, yn in knip mennich foarme se in aerdich lykjend
petretsje fen d’iene ef d’oare en do-t âlde Ripperda syn greate
earne-noas yn ien knip oanjown waerde en ’e lange pipe en ’t
pallisanderhouten toebackspotsje, der ’r krekt út stoppe, gyng der in
hoeraetsje op.

Ryklef kaem hjar stil-wei op ’e side.... Elske hjar hantsje bigoan to
triljen, hja lei de skjirre del en seach nei him op mei hjar ljeave,
waerme eagen, hjar herte ien trilling fen ljeafde for dy man, dy-t hjar
libbensbigearte útmakke.

„Dû soest tige hwet for my dwaen kinne,” sei ’r sêft, hast flusterjende
wei.

Hy hie hjar tawird al yn stiltme, eart ’r iens útpraet wie.

„Meitsje my in knipsel sá fen mem,” sei ’r. „En gau, it giet op ’e
snaren.”

Hja andere net, mar naem de skjirre wer yn hânnen en hjar
kinstnerseagen, sa fynfielich for lynje en lyknis, hiene yn ien omsjoch
mefrou Ripperda yn ’t fesier, sa ’s se der dimmen en stil foarsiet, it
fine âldwyfke kopke heal wei ûnder in greate mûts mei felettene linten,
fyn en moai fen profyl noch, mar yn ’t lyk-oansjen it antlit al fol
tearen. De skjirre snie troch it gledde, swarte pompier, it printsje
groeide, selst it string kralen liet se mei wyt kryt ringje om ’e
meagere hals. It like sa krekt, det hy bisoude der fen....

„Ast ris heal wiste, hokfoar deugd ast my dien hast!” tanke ’r hjar en
onforsjoens krige ’r hjar rjuchterhân beet, great en waerm as syn eigen
en patte dy. Hja liet him stil gewirde, forweechde hjar net.... hja
wist, it wie it ôfskie, yn hjar fen álles, hwet Ljouwert him oan
jonkheit, wille en ljeafde jown hie.

„It wirdt dyn tiid, Ryklef,” sei se ynienen hiel sêft, do-t de klok fen
’e Aldehou alve slaggen útgalme oer ’e stille sted, reinforlitten....

„Ik wit, der ’s nin trouwer astû biste....” hoarte hy der stadich
út.... „Bring myn lêste groet oan Anne. Unthjitst it my, Elske....?
Nimmen wit myn heimnis as dû....”

„Eart de dei fen moarn om is, hat Anne dyn groet,” andere hja, wylt hja
him lyk oanseach.—

Mefrou de Witt wonk it jongfolk nei foaren om mei oan to sitten en hja
kamen graech en slynden fen ’e brosse waffels en ’e onbidich greate
geleitaert fen fjouwer fordjippings en dronken der de swiete Spaenske
wyn by út de donkergriene glêzen mei draeide foetsjes.

Ryklef waerde stil wei. Nimmen miste him. Allinne âlde Ripperda, sa wyt
as in doek, ridele ongedurich op ’e stoel hinne en wer en koe der gjin
byt trochkrije. Krekt as hie der nys ansens de deadsklok let fen ’e
Aldehou for syn bern, for syn ljeafste, jongste soan en âlle de
stoarmnacht nou yn ien greate, onmachtige snok al syn eigen herteleed
út.

Mar ’t mocht gjin each jaen en derom siet ’r as in dea-ding op ’e stoel
en skaekte mei de Witt, al dânsen de stikken him ek foar eagen.

Der sloech in doar mei foarsje ticht.... aliegear seagen se op. Hwet
wie det?!

„Ea, dy túndoar hipt sa nau”, sei de Witt. „De feint hat grif de
skoatel der by troch stritsen en mei dit needwaer.... Gien mar efkes
mei, Ripperda.”

En togearre gyngen se derút nei efterhûs ta, it smelle túntsje lâns. It
wie neare nacht, de wyn boaze oan ta stoarm en ’e oerfolle
reinwettersfetten klokten it wetter yn swiere gjalpen wer oer ’e
stiennen paedtsjes út.

„Hald moed, âlde jonge,” sei de Witt, dy-t bigriep, hwet der yn
Ripperda omgean moast. „Hy ’s jong en fluch, hy rukt it wol.”

„It hipt sa nau.... Ien misse stap,” kreunde dy. It eintsje striette
der yn dy stille, wiete tún, waerde syn leeds-wei.... Sljuerkjende wei
roanen se yn neare nacht fierder, op ’e túndoar oan. Dy stie wiidwaech
op, min seach ta in steechje yn en den de tsjustere mûrren rizen fen in
húske en noch ien. Yn it fierste barnde in tútlampke, nearsich fen
piid. Der ynienen waerden er noch twa opstitsen. In skean streekje
ljocht foel op it blikje foardoar. It wie it ôfspritsen sein, Ryklef
Ripperda wie al bihâlden oer ’e stedsgrêft.

„Sjoch!” sei de Witt. „Gjin Frânske kûgel rekket him mear.”

Do waerde Ripperda syn herte hiel rêstich yn him fen blydskip.—

Ryklef Ripperda gyng de wei fan hûnderten oare jonge bazen, dy-t
hjithollich en rapmûllich, hjar to ûnderstean doarsten yn wird ef died
it nije gesach op ’t sear to kommen. En Oranje ôfswarre, det noait!

Syn strydlustige natuer, wend om him frij to uterjen, koe ’t net
útstean, det it near op syn tinzen en wirden lei wirde scoe, it
Sigeunereftige yn syn aerd hage it libben fol avonturen ek wol, al
bitsjutte it tagelyk ek in tobrekken fen alle Ljouwerter bânnen en dos
spile hy dizze Sneine, de 24ste fen Hjerstmoanne de wyk en liet syn
fijannen it neisjen.

It plan wie sá goed bitocht, det it koe net misse, it slagge. Alde,
sutrige klean leine klear yn it húske by de stedsgreft, do mei in
boatsje deroer en gjin healûre letter foun ’r de wite wringe, dy-t him
bitsjut wie en yn it lân der by, fêstboun oan ’e wriûwpeal, it moaije
jonge foshynsder, det him fierder bringe scoe. Syn klean wekken al
troch en for-’t earst yn syn libben bikroep him in gefoel fen
iensumheit der sa lykme allinne op ’e âld hearrewei yn ’e Tyttsjerkster
petten, hwer syn hynsder by tiden suver oan ’e fiterlokken ta yn ’e
modder weisakke en ’t wetter om him hinne brûze en bearde, as scoe ’t
him sa mar forswolchje.

Mar hy hâldde de moed deryn en do-t de dage noch net iens oer ’e loft
gyng, draeide hy de Harstewei op, de Iestrumer kant út. Der wie nearne
in minske to bikennen. De melkers wierne noch net yn ’t lân, de fûgels
swijden noch yn ’e wiete beammen, dy-t hjerstich roeken fen wyljende
bledden. De stoarm wie lizzen gien en forroan yn in rûzige hege wyn út
it Noard-Westen.

Noch in eintsje, der riisde út ’e flauwe dize fen ’e neinacht de
Iestrummer toer. Hy sette it hynsder oan.... efkes seach ’r in biwyske
fen ’e bakker syn nachtmûts oer in ûnderdoar, oars markbite ’r nimmen
en ’t frije fjild mei syn skadige beammen en forhoalene loantsjes naem
him wer yn syn hoede.

It earste skimerich moarnljocht weage nou as in teare sulverstream mei
sêfte deining oer ’e tsjustere wolkensé, forinnige him ta kleur en
djipte fen fyn opael, grien en fleiskleurich en bleek-blau. In pear
lânbreedten fen him ôf lei de mar, in tsjustere heimenis yn ’e
bislettenheit fen syn reidbigroeide bochtige iggen. En ûnder út det
tsjuster wei skeat ynienen in goudene streek.... waerde breed lutsen yn
’e greate ljochtleaze iensumheit fen it Easten en forbrede hjar o! sa
njonkenlytsen ta de tinende rounte fen ’e sinnebol.

De sinne kaem op.... en in set let stapte Ryklef Ripperda syn hynsder
hiel foarsichtich op ’e útslitene bâlstiennen fen Foppe Lieûwes syn
efterhûsstriette.

De bûthúsdoar gyng sunich op.... Foppe-om kipe om ’e hoeke.

„Alles goed, jonker?” lustere ’r. „Mar gau yn ’e hûs,” en in ûre letter
sakke Ripperda yn ’t goezzeplûmmen bêd fen ’e foarkeamer wei en hearde
noch heal yn ’e dod it lûd fen ’e tsjerne en it sleauwe geklos fen ’t
âld hynsder op ’t liem fen ’t tsjernpaed. Do rekke ’r yn ’e sliep.

De earste dei fen syn ballingsskip.

Ljocht en read gyng de dage oer ’e loft, de klysters setten op ’e
hagebeam ta by Foppe en dy ’s op ’e dyk, in lette fûgel bigoan to
fluitsjen.... jong en lokjend.

En nei in wrede dei fen rein libbe nou de wyn breed en fol yn
neisimmerrûzing oer ’e mar.

En dy wie as ien glinster fen goud.


„Hinneboer! hin-ne-boer!!” raesde in jonge Foppe-om efternei. Dy roan
deabidaerd troch mei syn pypkoer oan ’e earm, it antlit heal biskûle
ûnder it breedskadich hoedtsje. It lûd fen ’e bistoude fetlearen skoen
klonk op ’e stille striette.

Twaris roan ’r de Wirdumer dyk op, mar slûpte do tomûk it Ayttasteechje
troch en roan de Weaze wer del oer ’e Brol, de Heechstriette yn, nei ’t
hûs fen Berdeau.

Berdeau siet great en breed op in skammel, in stik baelsek foar en
pluze de lêste fearrepylkjes út it fel fen in stikmennich sinze
petrizen. Dy-t him joun sjen scoe, it stemmich swart lekkens kammisoal
oan mei de sa fier weisniene pânnen, det it mear fen in swellestirt hie
as fen in fetsoenlike jas, de swartsidene doek yn in losse frânske
strûp ûnder it fette ûnderkin, de hoed mei de trijekleurde cocarde in
dripke skean op it roetswarte hier, in miniatuer guillotine oan ’t
horloazjeket.... scoe ’t net oan wolle, det dit ien en diselde man wie.
Mei de klean teach ’r in oar wezen oan, oare menearen, ja! selst in oar
lûd. Hy waerde smidich, liet mei him omfodzje as in jong kat, dy-t syn
neils noch net folgroeid binne en roan as in janefod for de hearen, ja,
as for boantsjelap liet ’r him brûke der yn ’t hege hûs[4] foar de
Waech oer, hwer se jouns forgearren ta eare fen Liberté, Egalité en
Fraternité.

 [4] In ieuw letter biwenne fen notaris Albarda, nou fen B. Ph. baron
 fen Harinxma, âld commisaris fen ’e Keningin.

In liipen-ien, brocht ’r it earst al dûkende wei yn nederichheit ta
oandrager, kleau do stadich—o min markbite de rukjes hast net! ta
skriûwer fen ’e hearen en wist it mei redsumens en gebektens al gau sa
fier to krijen, det ’r der hoatus en toatus waerde.

Helpers binn’ der oeral.... for in pong fol rinkeldaelders scoe ’r
selst syn frjeon nou wol forriede wolle, ast him sels mar op ’t
stoeltsje bringe koe.

„Ek nijs yn ’e Wâlden, húsman?” frege ’r mei in fyn gnyske.

„Nou né, andere Foppe-om en sette de pypkoer op ’e toanbank. „It nôt is
yn fensels en it fé noch net op ’e stâl. En de beane en earte jowe in
goed biskot.”

„Hwet male my beane en earte! De pollityk, man! der freegje ik nei!”
raesde Berdeau.

„Ja nou,” sei Foppe-om dimmen, „dy bouwe wy net,” en hy seach sneu en
helle bidachtsum de einefûgels ûnder ’t gêrs wei en telde: „trije,
fjouwer.... seis binn’ der, keapman. Is dy pollityk altomets in nije
frucht?” hifke ’r foarsichtich.

„De pollityk is gjin frucht, ezel,” skreauwde Berdeau, „it is de
staetkindige, ja einliks ek net, de bidoeling fen ’e staetkinde....”

„Keapman wit it likemin as ik-sels fen ’e moarn,” sei Foppe-om wiis,
striek syn jild op en sei goe-dei. Hy wist it nou, de greatste
speurhoun fen ’e patriotten wie thús, hjir hie hy fen ’e moarn neat fen
to duchten.

Op’t Waechsplein seach ’r al fen fierrens de wide mantel waeijen fen
Ulrich, de jeneveroaljekoop, drok oan ’t kjizzelûken ef
hoarnbrilpassen. It stie der fol, de ljue wrotten en krongen yn inoar
om as hoannebijen foar ’t nêst. Ulrich feile nou syn fleskes út mei gûd
for kjeldrige hânnen. Hja fochten der hast om.

Der ynienen foel syn each op ’e âld man mei syn wyt hier. Foppe-om sei
neat en hy ek net, ien amerij hâldden se inoar yn ’t fesier.... do
joech Foppe-om him wer ôf, de Piip oer, nei Falentijn’s ta, gyng troch
’t foarhús, oer ’e plaets en nei de weverij. Der stie ’t hinter troch
twinter, it like wol, as scoe hjir wer de wolle fen in hiele provinsje
to plak moatte. Yn in ynsprongkje fen ’e lange tsjustere gong stie
Falentijn op in âld stoel en rôp en telde mar wer oan, de hiele moarn
al en mei greate gjalpen streame de stream fen wolle ta ’t hûs yn,
biret en onbiret. It roek ’r fet en krûdrich en topkes wolle waeiden yn
’e foarein op en hingen yn ’t túntsje oan ’e roazebeammen. De fammen yn
’e spinnerij songen al wer fen „Sinte Severius, det ’s ús patroan,”
hwent wie ’t hast gjin 23 October, syn nammedei? Boppe alles út klonk
it doffe, ienlûdige geklos fen ’e weversspoellen, hûnderten, dy-t as
skuitsjes skearden troch de stiif spande skearings. It wie de sang fen
it libbene, jaende, fleur bringende wirk.

Foppe-om kaem der stadichwei oan en gyng do Falentijn foarby, wylt ’r
him stiif oanseach. Do bigriep dy, like goed as Ulrich it bigrepen hie,
Ripperda wie oer ’e grins yn feilichheit.—

Nou gyng Foppe-om stadich by ’t bolwirk op. Do-t ’r der wie, fielde ’r
yn ’e bûs. It rissele der noch.... do glimke ’r op syn egenaerdige
menear, de fine lytse mûle hwette spotsk, en sette de stap derûnder,
steechjes en strietsjes troch. Sims roan ’r itselde paed werom, om den
ynienen in frjemd krûpyn yn to swaeijen en wei to wirden efter in âld
hûs ef in hok, der min in barchje gnoarjen hearde. It wie hjir de
efterkant fen ’e stêd, smoarch, sutrich en earmmoedich. De huzen stiene
troch inoar, as wierne se út in doaze fen berneboartersgûd hjir sa
delsaeid.... sims sprong de bochtige lynje fen dy âlde gevels in foet
trije tobek.... min seach in hoekje grien, in blikje, in hinnehok en
derefter de greate sted mei hjar toerren en hege huzen, hjar geskrip en
geskreau.

En oan ’e oare kant, oer ’e stedsgreft it moaije, soune hjerstlibben
fen it fjild en der spande him in himel oer, sa blau, sa klear, as wie
’t yette simmer. En Wynmoanne wie ’t, de 16e fen Wynmoanne.

Foppe-om bleau ynienen stean, loerde tomûk alle kanten út en wie do mei
ien stap binnedoar, yn ’t great foarhús fen in âld hûs.

„Bin ’k hjir by Pytsjemoi?” sei ’r hiel sunich. „Pytsje!” rôp ’r do
hwet lûder en rattele efkes mei de klink.

„Kom mar harren,” waerde der andere, de keamersdoar gyng op en in âld
wyfke, in greate kaei yn ’e iene en ’t ierdappelskyldersmeske noch yn
’e oare hân, sei koartwei: „It wird, húsman?”

„Goudtsjeblom,” andere dy optslach.

„Och, ús mefrou wachtet al sa ’n skoft!” en ’t âld minske slofte foar
him út, de tsjustere gong lâns troch in leech bûthús en do kamen se
efterhûs op ’t hiem. It wie ien fen dy lytse boerkerijkes, dy-t min in
hopen fine koe binnen de mûrren fen ’e sted. Foppe-om hie de stallen
teld, acht koene der stean en ien hynsder, mar ’t wie allegear sa
binypt en lyts en tsjuster.... dy-t de romte wend wie, scoe hjir
omkomme moatte yn sa ’n krûpyn. Mar de groun wie hjir djûr en ’t
koumelkers-affearen smiet skoan op. Ornaris boerken se hjar ryk, waerd
der wol fen sei.

Hja kamen nou foar in hege túnmûrre mei in skerpe ôffreding fen stikken
flessen en glês der op. Hy seach al hwet skean, de jonker hie him alles
oars sa goed bitsjut, ho-t hy by heites komme koe, sûnder det de
patriotten der erch yn hiene, mar fen sa ’n mûrre hie ’r net praet. Syn
swijgsume paedwiister rearde hwet takkebosken en âlde planken oan kant
en draeide do in doarke fen ’t slot, det der efter biskûl siet en det
wie sa lyts, det Foppe-om koe him der amperoan trochwine. Do stie hy yn
’t greate tún fen Ripperda’s, der hy alle beammen al fen koe, sá hie de
jonker der fen sitten to fortellen. Wie ’t net it âldershûs? it tún fen
syn jonkheit? Nou syn foetten de paden net mear lâns gean koene,
biweefde in tear, sêft forlangst it as mei heimige hearlikheit yn syn
binnenst en forknotte it mei de moaijste tiid fen syn libben.

Hwet wierne dy âldeljue op ’t snjit! Einliks tynge.... Ryklef soun!
frij! yn feilige haven! Dy lange brief, sierlik steld yn ’t Frânsk, yn
’e kleurige styl fen in waerm, kinstsinnich minske as Ryklef Ripperda
wie, wol fjuchtersbaes, foaroanman earst, mar likegoed ek mei in iepen
each for alle moaijs fen ’e wrâld, noch sá jong yn syn eagen fen seis
en tweintich jier—ja dy lange brief wie hjar as in frisse lafenisse nei
in waerme binaude dei.

Mefrou Ripperda aeide efkes stil-wei oer ’t pompier, eart se bigoan to
lêzen fen ho-t syn reis west hie dy nachts en ho-t Foppe-om him let en
set hie tsjien dagen lang, deis op ’e kousouder en jouns, o! as de
skimer kaem en hy troch ’t lyts finsterke de sinne sinken seach yn ’e
mar! ho-t hy den by de ljerre delkaem en by Foppe-om syn hird siet. It
folk wie foart, gefaer wie der net en Poai, de húshâldster, Foppe-om sa
tagedien, det dy scoe neat forklappe. Hwent it hie Foppe-om syn
deafonnis beteikene. Ripperda stie op ’e list.... dy-t him dos
biharbarge, krige de kûgel.

En hja lies fierder, de âlde eagen hiel ticht op it stevige pompier....
ho-t det tsjien dagen oanhâlden hie, tsjien lange dagen fen eangstme en
freze, it libben sa to sizzen oan in fyn siden triedtsje en ho-t do op
in joune let, einliks yn ’e foarnacht al, Foppe-om en hy de iensume
paden lâns knoffele wierne nei ’t Bouwekleaster ta, nei Wolmoet en
dy’s. It wie der sa ’n wrâldforgetten hoekje, hjir foun him nimmen en
hwa scoe den ek noch sa ’n hege riddersman sykje yn ’t hûs fen twa
frouljue?

Hjir dijde it egentlike plan ta died. Hja hiene der gignút fen heard,
de hearrewei fen Ljouwert nei Grins, der roanen gâns oandragers op om,
allinne om ’e preemje to krijen, steld op syn holle, dy oproerkraeijer
sines, dy-t as ritmaster fen eren Syn Doorluchtigheits lyfregiment
Oranje-Fryslân nou de hoarnen yn ’e wâl stekke doarst hie en syn
soldaten oansette om ek nea trou to swarren oan it nije gesach. De
poartwachters to Grins krigen nije oarders en in pong mei goud yn ’t
útsicht, as se dy goocheme fûgel yn ’e knip krigen. To Delfsyl, der wie
gjin sprake fen, in boat to krijen nei Emden ta, it lân fen ’e
frijheit, der Ripperda hinne woe, om den syn tsjinsten oanbiede to
kinnen oan ’e kening fen Prusen.

It ware him nou ynienen hielendal net mear yn ’e kaert, alles roan wan
en hy waerde der al hwet mismoedich ûnder, do kaem Foppe mei twa helpen
opdaegjen, in nij plan waerde opset en dizze brief biwiisde it.... det
slagge.

Syn lange krollen, mem koe se, skreau ’r bizich, sneuvelen ûnder
Lysbeth hjar skjirre, hy waerde sa keal skeard as in jeneveroaljekoop
en do moast ’r syn antlit ynsmarre mei it ôfseane wetter fen
nutebeamsbledden.

„En de hânnen foaral,” sei Lysbeth, „dy wite hearehânnen moasten him
foaral en bilieven de dea net dwaen,” en ’t hipte nou nau. Allegear
stiene se der om hinne yn ’t âld binhús fen ’e boerkerij yn ’t
Bouwekleaster, Foppe-om en Lysbeth en Ulrich, de jeneveroaljekoop, dy-t
it earst mei ’t útstel for ’t ljocht kaem wie en Bindert Japiks, de
bûrman en Wolmoet, dy-t it einliks wol hwet moide, det hjar gast fen
trije dagen nou sa ynienen fen in hege hear him forminderesearje moast
yn in earme omrinder en yn in hoekje by de skerm, Anders, Anders fen
Twizel. De sucht nei aventúr waerde wer wekker yn him.... hy diich gjin
lichten, hy woe mei de jonker en bringe him oer de Eems. Foppe-om
abbeleare der wakker tsjin fensels, mar hy twong en flaeide en eamele
sa lang, det hy rette it en krige syn mem ek noch sa fier, det dy joech
’t tawird ek.

Hy hie in âld fioele en koe ek mei de fluit omgean en ’e triangel en as
sa ’n ien reisge yn ’t selskip fen in jeneveroaljekoop, peare det net
sa min. Reisbere ljue allebeide, dy-t hjar gewin fen ’e streek ha
moasten. De jonker paste Ulrich syn klean.... en do-t hy de lange
pelgrimsmantel om hie, de greate hoed op, dy-t hast it hiele gielbrune
antlit yn ’t skaed sette, de hege learzen oan en ’t masterkistje mei
medicamenten oan ’t seel oer ’t skouder, moast it al in bitûften
loaitser wêze, dy-t yn dizze goe-man in hege hear formoede.

Yn skimermoarn bigoan de reis. Foppe-om gyng earst noch foar yn ’t
gebet.... it moed wie him fol waen, skreau Ripperda, do-t der yn det
frjemde hûs troch dy man, dy-t him frjemd wie, mar allinne forboun
troch ien ljeafde, dy for Oranje, sa innich smeke waerd om him in
ginstige reize to jaen en in bihâldene thúskomst by syn folkes.
Swalkjende wei gyngen se do oer ’e greate heiden, de hearrewegen
mijende en de doarpen en oersetten en nei in biswierlike reis fen fiif
dagen stiene se twarissum foar ’t wetter, tichte oan ’e Eastergrins, to
Oterdum.

’t Geswalk yn rein en wyn, de lange dagen, it sliepen nachts yn in
blokje hea ef yn in âld hok, hie hjar ’t loaije fet wol fen ’e bonken
jage.... hja wierne nou in pear echte, earme landlopers. Hja loeken de
milriem al ris oan, mar de mage liet it hol-rotteljen net en omt se de
doarpen skou wierne, moasten se it ornaris fen jowne jeften ha en det
soppe ek al net sa rûm, hwent de Frânske bilêstings ûnderhâlden der de
ljue ek al as de tredde-deis koarts en hja doarsten ek net to folle to
keapjen, bang, de folle pong koe hjar ris forriede.

Hja hâldden der sahwet de hiele dei ta, gnúvden alles nei en wierne al
gaueftich wys waen, det der wenne yn in forfallich húske yn ’e
dyksherne sa’n âld sérobbe, Luitjen Klaes hiet ’r, dy-t it net folle
skille koe, ho-t ’r oan jild kaem, as hy ’t mar krige. De joune stieken
se ’r op los en in ûre letter, wylst de wyn oanboaze ta in
Súd-Westerstoarm en der koppen stiene op ’e Eems fen komsa, dobberen se
op it frije wetter en kamen de oare deis wolbihâlden to Emden.
Derfendinne gyng ’r mei de postwein oer Aurich en Bremen nei Hamburg en
nou scoe de earste tynge, dy-t se wer krigen, wol wêze út Potsdam.

Sa wie de ein fen syn brief en Foppe-om fortelde fierder, Anders hie
dit great brief fen ’e jonker noch meikrige, liet him oersette nei
Delfsyl ta en spile do ûnderweis op hûs ta alle jonge fammen ta de
huzen út. Hy mijde nou de doarpen net en roan gâns duiten op en
dûbbelstûren en sims wol fijfjes. En ’e lêste deis fen Grins nei hûs
hierde ’r in plak yn ’e postwein en sa kaem ’r wer thús en diselde
joune hiene se trijersum, Wibe Lubberts en Anders en hy in glêskefol mé
dronken op ’e bihâlden reize fen ’e jonker.

Mefrou Ripperda siet noch mei ’t brief yn ’e hân, yn wûnderlike
birêsting wie hjar herte stil. Alle skieding is ommers mar de ôfskading
fen in oare, greatere skieding en ho inniger it ien-wêzen, namsto
smertliker it hinnegean. Nou socht hjar jongste syn libbenspaed, strak
ansens scoe ’r him foegje by de fijannen fen ’e Frânsken en hja scoe
him yn lang net weromsjen, yn lang net en as ’r den weromkaem, scoe se
nei him útsitte to sjen hjir foar itselde finster, der se nou syn brief
lies, de brief fen hjar ljeafste bern.

Ja nou! al yn ’e smerte fen ’e skieding wie de hope ek al wer berne! Hy
libbe! wie frij! wie jong!—

Hwet waerde Foppe-om der dy deis let en set! Hy hie ’t der as in prins!
en diselde middeis kuiere ’r wer op hûs ta, in moaije silveren
snufdoaze riker, dy joegen se him as in forearinge for syn bystân en
Wolmoet krige in sierlike sulveren knipper en der in kralene tas oan.

En Anders en Ulrich? Dy rattelen for ’t earst yn hjar libben de
dûkaten[5] ris yn ’e bûs.—

 [5] In dukaet: f 5.—.




V.


De sinne broeide waerm op ’e hokken hjouwer. De stoppel roek en
sulvrich skitteren de wjukken fen ’e flechten houtdouwen, dy-t der op
delsaeiden. Neisimmer wie ’t, de ierde, de faek bigearde en ryk jaende,
gyng stil de winteriensumheit tomjitte, mêd fen jaen en bloei.

Wibe Lubberts hearde it jounlieden fen ’e Optwizeler klok.... hy stiek
de lêste skeaven op ’e foarke en loeide se op ’e wein. It waerde in
heal-foerke.... it lêste. In goed biskot joech syn lân en it waer wie
moai, mar dochs, Oranjeman as ’r wie, hy hie syn moed net. Tsjin nimmen
doarst ’r it uterje, hwet him biswierde, hwent skûlen der oeral gjin
útkloarkers en oandragers? en dy-t de Oranjenamme nou mar mear neame
doarst, waerde heal-dea gisele.[1]

 [1] In spylman, dy-t to Idsegahúzen it „Wilhelmus” yette spylje
 doarst, kaem mei giseling frij, mar de feinten, dy-t der op dânse
 hiene, krigen elkmis fiif jier twangarbeidzjen yn ’t Rasphus =
 tichthús. Lytse bern, dy-t krânskes flochten hiene fen
 goudtsjeblommen, setten se op wetter en brea en by in genjirker, dy-t
 prinsessebeantsjes to keap hie foar ’t finster, smieten se de ruten
 yn.

’t Is wier, hy wenne der net sa djûr, mar de lêsten wierne sa heech en
somtiden kamen hiele swarmen earme úthongere soldaten del út de greate
steden en bisochten, om wer sêd to wirden by ’t lânfolk. Det hjitte den
ynketiering en wie in slimme bisiking.

De wein krêke de moudige Wedze lâns en roerde de swiere
elzebeamswallen. In klyster fleach op út in koetsebeam, in wikel sette
him nei.

Yn ’e fierte hearde ’r de hoarn fen ’e postilion, de postwein fen Grins
op Ljouwert wie yn oantocht, fol reisbere ljue, hege hearen en frouwen
en hy jage it hynsder oan, om him foarbyriden to sjen. Hy kaem mar
ienris deis troch en den wie ’t fensels noch de tref, om him to sjen.
Der kaem ’r oanskommeljen yn in wolken fen stof, seis grouwe poepen der
foar, dy hiene der noch in hys oan en fol, fol as in aei. Allegear
frjemde gesichten, brunich en útlânsk en twa heechbiladene byweinen
kûrrelen him efternei, yn ’t selde sânnige spoar lâns. En strak ansens
scoe de hiele karafaen hâldde by de Benthem, de greate harbarge oan ’e
Harstewei yn ’e Koaten en der ieten se den hjar meiname broggen op en
de hospes tape ’r it bêste Grinzer bier by.

De bern hâlden op fen boartsjen en stiene op ’t foetpaed, toside fen ’e
hearrewei en seagen skerp ta, as der ek in hân ta ’t portier útkomme
scoe en saeije in pear duiten oer ’e wei.

Der....! Wibe Lubberts glimke, wol tweintich hântsjes klauwden yn ’e
moude.... it reinde duiten, der siet grif in rynsken jower yn dy wein.

Hy krige nou syn wein by ’t tiksel en stjûrde by de Wedzetrijesprong de
Twizeler kant út, de kreammen en dissen foarby en ’t Jan Klassenspul.
’t Scoe moarn kattekneppeljen wêze, in hiel feest. Der kaem ’t folk
altyd noch op tasetten as âld roeken, for de Optwizelers wie ’t in like
great feest as for de Ljouwters ’t giseljen. Nou, det barde
tsjinwirdich noch al ris, langlêsten twa op ien dei. Dy hiene ’t yn ’e
kop krige en roppe „Oranje boven!” op ljochtskjindei en sûnder, det se
de jeneverstoker sines preauwn hiene en de iene hie boppedien
goudtsjeblommen hawn foar op ’e pet.

Nou, ’t wie hjar yndroege en net maklik ek: Foppe-om hie ’t sjoen....
hy wie ’r noch dagen fen út ’e liken en spoan sa raer op, do-t hy it
lêsten jouns by Eadske en dy’s fortelde, det Wibe hie him warskôgje
moatten en sizze net tofolle, opljeppene, rjuchtute Foppe-om, sa oan
Oranje forkleefd, det min foun syn gelikens hast net. En de joune let
roan hy in ein mei, de stille Twizeler sânwei út en de Opper-Koaten
troch en hiene se it hert foar inoar bleat lei.

Hûndert millioen goune skatting moast opbrocht wirde en 25.000 soldaten
ûnderhâlden op kosten fen ’e boargers.... de lêste duit waerde de
minsken út de pong luze. En hja kamen mar mei ynkertieringpompieren by
de foardoarren en nusselen hjar yn ’e pronkkeamer en sochten de
hinnematten ôf om fette jonge hoannen en slachten de lammen yn ’t lân.
En wea! de húsman, dy-t in mûle opdych! Den hellen se tsjien oaren,
ondogenser as hja sels en tojagen syn hjouwer en forneilen syn hynsders
en slachten him de bêste keallen en dreauwne syn inters nei ’t Ljouwter
wykmerk. En biklage ’r him.... ’t wie nul op ’t rekest fensels! Moasten
de bifrijers fen ’t heitelân nin iten ha, nin lean! Mei wille hie min
se ommers ynhelle.... Frânsk wie ommers de foarsje, Frânsk moast min
leauwe, Frânsk moast min prate en nou ’t dy heilsteat ’r wie, hearde
min ’t ek to wardearjen!

Bidrukt en min to moed wierne hja elts wer syn wegen gien en yn in
skoft hearde ’r neat mear fen syn âld frjeon. Sims siet ’r wol yn noed
om him.... Foppe Lieûwes, wist ’r wol, stie op ’e swarte list fen ’e
fijannen fen it heech-eare gesach, lei oan ’e sintinsje, om by it
lytste wissewasje oppakt to wirden as in foarbyld for ’e hiele
Iestrumer en Eastemarder krite, rjuchtsinnich en Oranjeëftich as ’t
hast net slimmer koe. En nou ’t dizzer dagen de earste ynketiering kaem
wie by al de geseten ljue, de earste slompe jild fen de skatting
opfoardere waerde, nou kaem de kniper op ’e skine. It waerd tinken.

Hy liet it hynsder breed úthelje en jage do mei in swaei ta de skûrre
yn. Dy stie mei de efterein nei de wei ta.... it moaije jounljocht
glimke yn ’e tsjustere fekken op. ’t Lêste gol rekke fol tojoune, ’t
lân joech in goed biskot fen ’t jier. En hy hie ’t lân ek net to djûr
yn hier, fiif goune de pounsmiet.

Mar o! dy lêsten, dy doarpslêsten, dy floreenlêsten, det smoarge reëel!
Fen ’e goune wer alve stûren[2] útjaen to moatten, allinne oan lêsten,
det roaide wâl noch kant. Det scoe de maetskippij grif de deastek jaen!

 [2] Historysk.

De merje wrinske—hja hearde hjar kammeraet en moi hastich strûpte ’r
hjar de sylbeage út en brocht se ek nei ’t kampke, der se hjar rôlle,
det it hwet diich en do wer stadich op him takaem en tier yn ’t bultsje
ofmeand gêrs om bigoan to siikjen en to iten.

Hy stie der in set stil nei to sjen.... de Saterdeijoune wie ek sa stil
en sa moai, krekt as naem in wûnderlike frede alle soargen en biswieren
út minskeherten wei. Tinne goudene wolkjes dreauwne de loft lâns,
swellen saeiden heech út ’e fierte del ta de skûrredoar yn en op Jan
Hindriks syn skûrre stie de earrebarre to klepperjen en de iene nei de
oare kamen de trije jongen út ’e mieden weifleanen, it krop fol en de
wite wjukken loai yn ’e fallende jounwyn.

In ruter draefde de hearrewei lâns, hast net to hearren yn ’t molle
sân, in hearsfeint mei pak en sak deun efter him oan. Eadske stie by de
wei, ’t permotten jak oan en der de kleurige, bûnte doek mei in
streekje ta ’n út. Hy wist wol, hja hie ’t joun net rûm, sieten der
gjin trije frânske snúshanen by hjar om ’e hird en putsken mar bêst
Grinzer bier en ieten as slatters?

Krekt kaem de bakker der oan, de blauwe breasek op ’e rêch en in greate
koer mei kliengûd yn ’e earm. Twiebak brocht ’r, grouweiten bôle en in
krintebôle, in fearigen ien. Fensels for de praters moarn.

Hy wist der alles fen, krige ’r moarn sels ek gjin jimmetiters en stie
’r al net in greate petylje klear mei skiepfleis en in panne mei
stoofde parren, swiette mei sûker en pypkeniel? Wolmoet scoe ommers
komme mei Lysbeth! ’t Wie wol uterlike femylje, mar hja hâldden altyd
tige de frjeonskip oan en Feanster marke wie hy mei Foppe-om altyd by
hjarres to gast. En Wolmoet wie nou great, in moai faem, tocht Wibe
Lubberts, gjin Twizeler fanke koe ’t hjar hâlde, selst Eadske Pytsje
net, dy mei hjar swart hier en blank fel.

Yn ’e stúdzje wei gyng r by de hage lâns en sa nei de hutte ta. Syn
wiif stie to pankoekbakken, de bern boarten yn ’t skaed fen ’e flear by
’t bjinhout doekje-by-lizze en d’âld houn siet der by to wiis sjen. In
pysjon dripte fen ’e beam! det wie in hael, de bern fleagen der op ta
as d’âld boarre op de brij.

Lubbert sloech ’r yn.... hy wie de sterkste en hy hie him. „Kom ris
harren”, wonk Wibe Lubberts strang.

En Lubbert kaem. De sisterkes stiene fen fjirrens en seagen skean nei
heite hânnen. Mar dy bleauwne yn ’e broeksbûsen.

„Moarn net de wei út”, wie ’t fonnis. Do moarte Lubbert folle lûder as
det ’r omseame waerde en gyng einliks op ’e koelbak sitten to stúmjen.—

De dei fen it feest is kaem. De dauwe krale noch op ’e bledden, de
moarndize weve noch oer ’e finnen, do hiene de bern de pronk al oan en
stapten mei hjar sitsene jakjes en greinene rokjes de wei út ef sieten
op ’e hikken en fredings to útsjen.

O de wei wie oars en de sinne skynde oars! greate, lûdroftige blidens
hinge yn ’e loft! Der kaem de hounekarre fen de man fen ’e lange lapen
oanriden en hy waerd mei jubel ynhelle, der kamen se mei ’t gûd for de
oaljekoekskream út ’t skip en hja stiene der yn stille forwachting
omhinne en loerden mei speurderseagen nei ’t meitsjen fen ’t bislach.

En einliks, einliks bigoan it folk to riden. Hoarnseweintsjes fol en
hja sloegen út by de harbargen yn ’e bûrren en kuieren nei de ljue, der
se to gast wêze scoene, de frouljue swierich en breed, hwette bûnt, wie
readbûnt sits net de foarsje! de manljue smel en stemmich yn ’t lekkens
kammesoal, inkelden al mei de jas oer ’e earm en de tûmmen by de
earmsgatten fen ’t fesje yn. De wei wie fol fortier.... lietsjesjongers
bigoanen hjar dreunen op to heljen, âlde Linse mei de rommelpot gyng
om, it wiif mei de tromp mei sûkerslakken trije tred efter him oan en
yn in gloppe twisken de huzen dobbelen se al om fijfjes en fochten de
earste rûzje út. En oan twa stevige peallen, oan in sterk tou, spand
oer ’e wei, hinge de tonne, der de kat út kneppele wirde scoe. Mar hy
wie der noch net yn, sei Theunis, hy siet noch yn ’e skûrre. En Theunis
wist it, heit hie him sels stellen fen Hanenboarch. Mar det sei ’r net,
fensels.

Wibe Grytsje seach al ris út nei de praters, ’t Roan nei tsjienen. Ja,
der kaem al in faeitonne de brede hearrewei delsetten, de giele
tsjellen kleuren wol sa fel yn ’e skadige fierte. It gyng moi hird, twa
hynsders derfoar en al gaueftich seach se Wolmoet hjar kopke neist
Lysbeth hjarres en âlde Wobbe foaryn. De sidene linten fen syn broek
waeiden yn ’e moarnskoelte, de sulveren knopen fen syn baeitsje glimden
der oer en hy siet derfoar as in âld soldaet, dy-t in keningsdochter
rydt.

En de middeis stie de wei swart. Foaroan yn ’e bûrren by de tonne, it
brânpunt, de bern mei de noas der op, bang en nijsgjirrich fen beiden.
Yn hiele kloften kaem it folk delsetten op de Wedzebûrren ta en den
einliks de pret sels, de kat yn ’e tonne. Der hokke alles gear, hwet
durf hie, om in gleone kat, dy-t út in tonne fleach, dy-t stikken
kneppele wie, to fangen. En dy moed liichde der net om.

For in dûbbelstûr sloech min de tonne en by tiden klapten se er op oan
trije kanten. Einliks en to ’n lêsten kaem ien fen Beine Harms jonges,
sa ’n greaten, loaijen slinger en dy diich me der in houw, det de boom
fleach út de tonne en ’e kat oer ’e wei en stoude razen de Wedze-kant
út, alle folk der maltjirgjend efteroan. Hwa ’t him nou fong, det wie
de man. Dy lei de dei gjin wynaeijen.

Ald Janom kaem der stadich oantraepjen, in nuzje foeken oer ’t skouder,
hwette toside op ’e wei. Roan der simtiden gjin bigangel yn ’e midden?
hy moete se ljeaver net, hwent den moast ’r de lêste folgje en sjen,
hwer se hinne gyngen.... hy wie berne mei in helm.

Ald Janom skerpe nou syn harsens op, myn goede guant! hwet gyng ’t der
oan wei! Patriotten en prinsljue slaende deilis? Goed patriot as ’r
wie—droech ’r net altyd reade streekhoazzen en dronk ’r net altyd út in
blau reauke?—winske ’r op ’t selde stuit alle prinsljue troch ’t
hinnipen finster[3] sjen to litten, mar dochs waerden syn eagen roun
fen skrik, do-t ’r foar him op ’e wei de razene kat oankommen seach,
lyk op him yn en der al it baltende, laeitsjende en skreauwende folk
efter oan yn in wolken fen stof.

 [3] De galge.

Hy pielde ek mei bijkjen, wie dos net sa gau forfeard for in prip ef in
klau en koart biredt, smiet ’r de kat it hiele bosk foeken foar de
foetten. Dy rekke ’r yn fortiisd en siet.... Hânsum in âld bûsdoek om
de rjuchterhân, de kat by ’t nekfel, âld Janom wie fiif trije-gounen
riker en trêdde stadich nei de karmasters ta, ek gjin stap hirder, al
ho-t de kat ek moardte en oangyng.

It folk hantsjeklapte om ’t hirdst, mar do-t der ien bigoan to roppen
fen Patriot! patriot! wie ynienen de kaert forjown. Knyften kamen út ’e
ské en de jassen út en yn in omsjoch stiene der twa partijen tsjin
inoar oer, it grou sa op inoar, det hja koene der bêst ta komme en
stekke inoar dea. De frouljue stouden fen ruten, de lietsjesjongers
waerden stil, de kat socht in hinnekommen yn in hege beam en siet der
to blazen en to fûl-sjen.

En do sloegen se der yn, om mâllens. Ald Janom hie al gau sa ’n
trewinkel, det dy joech him skytskoarjend ôf en Harm Beins joegen se in
sneed oer ’t ear, it hinge der suver by. Japik snider en Klaes Stok
tokerfden se suver de hiele kop, it bloed sipele hjar by strieltsjes yn
’e hals út, mar twa fûle mirden wierne ’t, hja joegen gjin krimp en
skreauwden mar fen „Oranje boven”.

Der riisde great en strang eksteur mei syn assistinten út it skaed fen
’e wei en do wie ’t fen naei-út. Hja fleagen oer ’e hage en troch de
sleatten, ien wie yn in omsjoch by Nanne Binderts boppe op ’t hea en
eksteur, âld, krebintich man, gnúvde al wakker om him hinne, mar
markbite al ringen, hy kaem in tel mennich to let. It saekje wie krekt
biredt, de baeifangers útpykt. Hy seach de stirt fen in lang kammisoal
noch krekt skeanoer de lânnen wippen, like det Wibe Lubberts net? dy
Oranje smycht? en de hokken hjouwer foar him út forweegden sims al sa
onnatuerlik. Mar syn wiif wie de marke op en hy hie in pear fles wyn yn
in bultsje kaf, det gûd koe hjoed mei de waermte ek wol net ris better
wirde....

En eksteur sette de hoarnen brul hwet leger en skreau op in hikkestirt
in „rapport” en de assistinten teikenen graech for in fijfje alles,
hwet eksteur dy deis sjoen miende to hawwen.

De dei wie sa moai en de sinne sa hjit, scoe min net miene kinne, noch
yn midsimmer to wêzen? Nou kaem de joun, fol tear ljocht en lei in
ljochte, goudene skimer oer ’e hege popelbeam by de sleat.... de drokke
lûden fen ’e dei joegen hjar njonkenlytsen nei gefluster en stiltme. De
dauwe bigoan stadich út ’e sleatten to tinen en ’e beamspintsjes
waerden warber en hingen to weven twisken de fine bledtsjes fen ’e
palmbeamkes yn ’t naentsjetún. Oan ’e kumbeammen glimke hjir en der in
readwangkje apel, de hege ligusterhage wie fol fen fûgelgetsjotter en
sa út en troch kreauwden se yn inoar om as in kloftke útlittene bern by
Geale skoenmakkers foardoar.

In hiele kloft moai opdiene frouljue stie by Eadske ’s by ’t bjinstap
to praten. Ho scoe ’t tojoune komme? tape de hospes wol nei de reboelje
fen tomiddei? Hy hie al sei, hy scoe twa Westereintsjers hiere en dy-t
him to ûnderstean doarste en jowe ek mar lûd, dy smieten se fjouwerkant
ta de doarren út en fenwegen de minne tiden en de noed om ’t gûd, det
joun stikken reitsje koe, gyng ’r hinne en sette it mingelen brandewyn
en ’t healfearntsje in dûbbelstûr en in stoater heger en spikere
planken foar de finsters. Wie ’t nin griis! in frjemd ynkomling moast
suver miene, it wie hjir in moardhoale, sei Eadske en tocht om Anders.
Dy woe de wrâld sims yn, om nijs to bilibjen, nou hjir bilibben se ek
wol hwet nijs en net folle moaijs en ’t âld minske tochte om ’e trije
Frânsken, dy-t hja jisterjoun ynkertierd krige hie en dy-t nou de
bûrren ynstitsen wierne to pleats-bisjen.

Wolmoet en Eadske Pytsje sieten togearre op ’e koelbak en mûskoppen,
det it hwet diich. Lit fjuchtsje, hwet woe, hja krigen de wyldsten wol
njúd en elts foar oar formakke him yn tinsen al mei de wille fen joun.
Hja ontroanen inoar net folle, Eadske Pytsje wie allinne hwet
omtleiner, hwet foarser, Wolmoet de lytste kant neist, wie
fynbonkeriger en fleisiger, mear nei Wytse Jans folk útskaeid. Mar
allebeide hiene se as greatste toai hjar jeugd. Dy joech hjar eagen de
lokjende skittering en hjar wangkjes it fynste blijread, sa ’s hja it
fynder noait earne op mjillet en kleure mei poarperen gloede de bocht
fen ’e frisse mûltsjes en mei tearblau de ierkes oan ’e sliepen, heal
biditsen fen ’e fine kantylje goudene earizerknoppen.

Pytsje wie wakker op ’e tekst fen hjar Ljouwter reis, lêsten
Saterdei’s. Hwet wie ’t in ein to gean! en hja hiene pleistere yn
Hirdegeryp, der hie Wibe Lubberts in nift ta sines to wenjen, dy wie
der trouwd oan ’e skoallemaster en hounegiseler Jan fen Tijum. Mar do
dy âld prikkewei troch de Tyttsjerkster poellen! hja hie der noch
blierren fen ûnder ’e foetten.

By minhear Falentijn ’s hiene se iten, jonge petrizen en stoofde parren
en tusearten en brette hansfotsjes en Bet hie mei hjar it bolwirk om
west en de Nijestêd op, der wierne trije winkels, dy hiene in glêzene
útstalkast, der lei yn to bisjen, hwet se to keap hiene. En de middeis
wierne se útforsocht by minheare Ripperda en der krigene se brieven mei
for Bindert Japiks, master Marten Joukes en Foppe-om en hiele greaten
for ’t bûtelân, dy stoppe se twisken it foer fen hjar rokken yn, der
hie nimmen der erch yn, hwent Wibe Lubberts sels koene se al as in
Oranjeman, hy doarst gjin skrifturen mear oerbringe. En nou wierne se
al yn ’t Bouwekleaster en Driesum ef reisgen al mei Ulrich, de
jeneveroaljekoop nei ’t poepelân en der krige de jonge minhear Ripperda
se, dy focht tsjin de Frânsken, hie mefrou Ripperda sei.

En om ienen hinne, gyngen se nei ’t fearskip ta, det lei oan ’t
Súdfliet en der foeren se mei nei hûs, de man in dûbbeltsje en den
hiene se de kofje ta. Mem hie in bêste triûwetsiis bisoargje litten en
in mingelen skiepmôlke en in pear woarsten, it waerde in hiel feest, dy
weromreis en op Birgumerdaem moeten se in aerdige feint, dy hie sei, hy
gyng joun ek marke op en woe mei hjar.

En Eadske Pytsje hie forlangst, al wist se it sels noch net. Wolmoet
harke swijchsum, mei de hânnen yn ’e skirte en ’e greate, moaije blauwe
eagen yn stille mimer. Hja wist net, ho-t it wie hjoed, en bikende ’t
hjar sels mei fammige skrutenens, hja scoe ek wol wolle en sjogge
tojoune immen, dy-t mei hjar gean scoe de stille Hamster wei lâns nei
hûs ta. En wer foartgean.... faken komme en foartgean, faken.... en den
ienkear, ienkear komme en foargoed to hjarres bliûwe as hjar man.

En ynienen tocht se om jonker Ripperda.... en ho-t it do to hjarres
west hie dy dei ef hwet. It wie itselde âld hûs noch en itselde hôf, de
loft, de sinne! alles noch krektlyk as altyd en dochs.... hja seach it
mei oare eagen nou, dy-t de moaijens fen in heldere ljocht-moanne-joun
bigriepen en de keinens fen in útkame blom.... Der slûpte mei him hwet
frjemds yn ’e hûs, hwet nijs, hwet hearliks en hja wist, hja hie nóch
stilder west, noch skrutener as ornaris. En as se den jouns om ’e hird
hinne sieten, der al in lyts hjerstfjurke barnde ta eare fen ’e hege
gast, en hja somwilen s kant útseagen, bigoan se der ek for ’t earst yn
hjar libben weet fen to krijen, hokker sterke fielings ien loaits to
wekker roppe kin. En sedich hie se de eagen foardel slein....

En de joune foardet ’r reisgje scoe, o ho wist se it noch! hiene se in
amerij togearre west yn ’t binhûs. Syn ranseltsje lei tichtstrûpt, de
pistollen blonken op ’e klaptafel, in greate ikene stôk lei der by. Ho
griisde it hjar allegear oan! Hjar herte waerde sa weak fen meilijen,
det de triennen kamen hjar yn ’e eagen. Hy hie it grif sjoen, hwent hy
kaem stadich op hjar ta en krige hjar beide hânnen beet.

Do moast hja wol nei him opsjen en hwa koe ’t helpe, de triennen, dy
domme triennen, wierne hjar oer de wangen rôlle.

„Is det om my?” hie ’r hiel sêft sei.... „Der is Ien, dy-t my dit
swiere paed maklik meitsje kin, Wolmoet. Dy scil my net forlitte. En
myn earm, lyts lân yn noed likemin. Tinkst ris om my?” en do hiene syn
lippen efkes hjar foarholle roerd, krekt as woe ’r der de frjeonskip
mei bisegelje.

O! en dit forgeat se noait wer! It wie de earste feint, dy-t hjar
oanroerde, it wie in pea fen wijinge, nou-t se it jongfammelibben
yngyng mei al syn fleur en tier. Hy frege neat werom.... stadich liet
’r hjar hânnen los.... do gyng ’r by hjar wei, stil troch ’t foarhús en
bûtedoar. Hja hearde him by de hússide lâns hinne en wer kuierjen.
Gefaer wie der net, de joun wie tsjuster en winich.

Yn it boek fen hjar ljeafste oantinkings biskreau Ryklef Ripperda sa it
earste bled.—

It wie suver noch waerm op ’e joun. In bolle, sêfte wyn waeide en oan
’e lofteinder kroesden hwet wite, tinne wolkjes. De sinne sakke ljocht
en klear en ’e lytse rútsjes fen ’e Op-Twizeler huzen laken blier yn ’t
jounljocht. In tropke protters kwéle hjerstich yn ’e platsnoeide
linebeam foar Sije Jans syn weardshûs, mar do-t de fioele bigoan to
jeuzeljen en ’e fluite en de triängel der middenmank, joegen se hjar
fen ruten. Sa roerich koene hja de stille bûrren net.

De âldere minsken kamen bûtedoar en hokken by inoar op in stoepbanke to
praten oer ’e nijtsjes fen ’e dei en it jongfolk stapte hjar kwierich
en alhiel út ’e leage wosken, foarby to feestfieren. De tiiden wierne
oars fierst to min, miende âlde Ant, ’t wie better, hja bisparren in
dûbbelstûr for ’e kwea dei. Mar in âld bysfeint giisgobbe en dy sei, it
heuchde him noch, ho-t Ant yn ’t bûnt sits ek wol ris keamer op west
hie en ienkear selst de soal fen hjar skoech tróchdânse hie. En Ant
seach spûnsk en hjitte it him ligen en hiel slim ek. En sa siet det der
op inoar om to hottefyljen en yn ’t hier to hingjen, krekt sa lang, do
kipe âlde Sjoerd om ’e hoeke en brocht hjar in stove en in kruk. Hwent
âlde Ant dânse nou al sont lange jierren net mear.

Nou is der libben en biweging op alle Twizeler paden. De boeresoannen
nimme frij en it folk hat healjoun. De fammen yn ’e stisel, risselje as
popelbledden en rinne bliid en fluch de lytse krinkelpaedtsjes lâns
troch de keale boulânnen, de feinten komme hwette stadiger op ’t doel
ôf, de sidene petten skean op en de piipen gleon oan al kostet de
toeback ek in skandaligen twa goune it poun. Hja binne allegear sa
jong! en it libben! o it is ommers neat oars as ien great feest!

En Foppe-om komt ek noch del op ’e âld skimmelmerje mei ien each en
neist him rydt, hiel koel en heech, hast foarnaem yn syn donkere
klaeijing en it smelle, bleke antlit efkes biskade fen in great hoed,
ien fen syn jonge frjeonen, Roanes Gearts, de skûtmakkerssoan fen
Eastemar. ’t Is krekt, as hâldt ’r it hynsder net iens, sa licht en wis
rydt ’r. Ho doar ’r, tinkt Foppe-om en sjocht tomûk ris nei syn
sydkammeraet op it swarte hynsder mei it bûnte oranjestek. Ho moai
kleuret it! Der is neat gjin prael en pronk oan dizze ruter, mar dochs
seit syn hâlding, syn klaeijing, it sjen fen syn eagen, by him thuses
is ’t gjin smeldoek, der snijt min goede broggen.

En in lytse blide skalk laket yn âld Foppe-om syn goedlike blauwe
eagen.... Mar hy praet hiel earnstich oer deistige saken en hat it oer
syn bijkjen en fortelt, hy hat hjoed in bêste koer útslachte en scil ek
mei in trompkefol hunnich nei ’t Bouwekleaster ta. Der wennet syn nifte
Wolmoet.... en jongefammen binn’ swietbekjes.

Der foroaret neat yn it koele antlit neist him.... de earnstige mûle
bliûwt ticht en hy sjocht rjucht foar him út, al kurende wei. Hwer
tinkt hy om?

Hja draeije det op nei Wibe Lubberts, der scill’ de hynsders yn ’t lân,
en stiene efkes by Wobbe to praten, dy-t al wer ynslacht. Lysbeth en hy
moatt’ ommers melkjoun thús wêze! en Wolmoet, nou, dy tinkt der net om,
om nei hûs ta to gean, dy scil joun mei Eadske Pytsje en alle oare
jongefammen foar de fioele, marke hâlde!

„As ’r mar feinten genôch binne!” knypeaget Wobbe heal pleagjend tsjin
Wibe Lubberts. Mar dy bliûwt earnstich en sjocht stoef. Feinten genôch,
planteit. Binn’ der earjisterjoune gjin tweintich Frânsken oankaem,
dy-t hjir ynkertierd binne en nou yn gloednije uniformen, lange sabels
op ’e side, yn ’t folk omstappe en de jongefammen frijpostich ûnder de
kypsen oploere, det se fen biskamsumens de holle omdraeije en yn ’e
oarre-wei sjogge. En min seit: der komme noch mear, folle mear....

Twongen scill’ se wirde, dy hirdhollige Friezen, dy Oranjekraeijers,
dy-t it mei Bibel en Kening hâlde. In kening by de graesje Gods.... den
spotgnyskje de Frânsken, it folk is de god, dy-t hja oanbidde. Wibe
Lubberts fielt it nou yn syn eigen hert.... o ho wier is ’t, det twang
de heit is fen forset! en wrokjende wei tinkt ’r om wûndere dingen.

Hy hat noch gjin ynketiering.... de ryksten komme it earst oan bar sa
’s Eelke Harms en Driûwers Piters, Sjoerd Rinzes en soksoartigen mear,
by him soppet it net sa rûm, seis lytse bern en den sa ’n djûr steed yn
hier[4], mar hjoed ef moarn scil de biisjager ek wol ta hjarres komme
mei it hate pompier en oplêze, hwa ’t by hjar op lêst fen ’e Staet
útfenhûzje scille en ’t brea út ’e mûle ite.

 [4] Historysk. Wibe Lubberts kofte letter de Tsjerkepleats to Twizel
 it hûs mei ien stikje lân for toalvehûndert goune. It oare lân rekke
 as losse stikken foart oan mear as ien egener.

It wie net genôch, hûndert millioen goune as oarlochsskatting opbringe
to moatten op oarder fen det smoarge Haegse fordrach fen de 26ste April
1795, né, hja moasten ek noch 25.000 Frânsken ûnderhalde en in goed
lean jaen boppedien. Hwer scoe ’t allegear wei komme? En den yn ’e
bûrren feestfiere, det it hwet diich, de jongerein wie net wizer, mar
de trouden, waerden hjar de earen net goedernôch bikôge? Stie der gjin
bankrot to wachtsjen, as ’t regear sá foartfarde?—

In hiele rigel fammen swaeide de reed op, lûd gekjeijende en
laeitsjende, allinne Wolmoet roan der stil by, it kopke hiel greatsk op
it slanke halske, de eagen fol dreamerich forlangst nei de heimsinnige
earste markejoun. Hja gyngen by de hússide lâns.... Foppe-om seach se
tomûk efternei troch ’t skûrrefinster en do loaitse ’r nei Roanes. Dy
syn antlit stie effen en earnstich as altyd en dochs.... en dochs....

De faeitonne mei de beide jonge brunen, boldere wer oer de
efterhússtriette, de tsjellen sakken wei yn ’t moudige sân fen de
hearrewei, min seach noch in skimer fen Lysbeth hjar waeijende bûnte
kypslinten, do wie de joun wer stil. Foppe-om en syn jonge maet
bleauwne noch efkes by Wibe Lubberts stean to praten en do gyngen se
nei Eadske’s om in jounbrogge en om ris to sjen, ho-t it der foarstie.
’t Sloof siet mei trije Frânsken opskeept en hie Anders jister al ier
en betiid nei Foppe-om tastjûrd, hy moast komme. It barnde op ’e neil.

En nou kaem Foppe-om. ’t Wie folle slimmer, as ’r him foarsteld hie.
Eadske huze yn ’t keammerke, de greate foarkeamer hiene de Frânsken
opfoardere en ’e goezzeplûmmene bêdden en nou sliepten se sels mar op
striesekken en Anders yn ’t hea. En Pytsje útfenhûze by Jan Hindriks
oer ’e wei. ’t Wie better, hie Jan biisjager sei, hwent de Frânsken
hâlden fen grappen. Hja hie him bigrepen —. sei se mei in sucht.

Foppe-om nikte. It wie nou stil yn ’e foarkeamer, hja sieten yn it
weardshús to kaertspyljen. Strak ansens kamen se thús, den easken se
fen alles en Eadske wie sa goed net as hja moast hjar mar hânsum alles
efternei drage. Hwent de bern.... dy kamen se net byneist. Dy wierne sa
bang det fen ’e greate sabels en ’e pistollen en ’e hege berefellene
mûtsen en ’e gleone swarte eagen. Dy fleagen efter skeanoer nei skoalle
ta en toarken de hiele dei bûtedoar om ef boarten by Wibe Lubberts yn
’t skieppehok.

„En joun”, sei Eadske fjirders mei hjar sêft seurderich lûd, „den scoe
de bûter jild jilde. Hja rôpen mar neat oars as: dânsje! dânsje! en
stiene mei hjar trijen tsjin ’t bedsket oan en bûgden foar in âld
stoel, „madame”, prevelen se den. Krekt as wie ’t hjar yn ’e holle
slein. En jenever hiene se fen Klaes stoker helle, in krûk fol.”

En do bigoan ’t sloof to gûlen. Det grypte Foppe-om yn ’t moed.

„Kom, kom; ho nou? Sa ’n krankyl wyfke. Moast dû de holle hingje
litte?” sei ’r. „It wetter komt noait heger as oan ’e lippen ta, den is
de help der ek. Der is in Weitsjer for de widdou en it weeske, Eadske,
hwer earne se ek binne yn ’e wrâld. Det wist dû ek wol, net?”

„O ja,” andere se sêft, mar mei in glans yn hjar eagen, dy telde
Foppe-om, hjir hie hy de rjuchte snaer fen treastinge roerd.

Roanes Gearts siet der stil by.... hy bigoan der nou einliks ek hwet
bisef fen to krijen, ho slim de tiiden wol net wierne. It leed kaem
tichterby, min fielde syn binearjend skaed.

Foppe-om ljurke oan ’e piip en sei in setsje ek neat, hielendal yn ’e
prakkesaesje wei. „Wist, hwetst dochst, Eads?” sei ’r op ’t lêst.
„Stjûr my dy bizen mar ris yn nije wike op in dei mei Anders to fiskjen
op ’e mar. Licht bifalt it hjar derre en as se it sels forsykje, den
kinne se wol hwet by my bliûwe en scil ’t regear det net wegerje. Ier
ef let krij ’k se dochs en dû bist for in setsje wer holpen.”

„O ast koe!” hope se mei in griselke moed.

„Wy moatte mar ris sjen”, en Foppe-om iet mei like folle smaek as oars
syn jounbrogge. In soune mage jowt soune tinsen en soune tinsen jamk
soune dieden en al ho gebeten ’r ek wie op ’e Frânsken, hy wist wol,
mei in leppel fol sjerp komt min fierder as mei in flesfol jittik.

Nou leit de sinne leech tsjin ’e groun en yn ’e beamkrunen wirdt it
swartich en jounich. Hjir en der flikkert al in inkele stjer.... it
lûkt koel, de spinrêchstriedden op ’e hage wirde stiif en feal en de
hjerstblommen gien’ stadichwei ticht.... Mar hjar geur.... dy hinget
noch yn ’e stille loft, der gjin wynsigentsje mear warber is. De reek
stiet steil boppe de skoarstiens, de lytse wite skieppewolkjes krekt
oer ’e bûrsterhuzen roere hjar hast net fen ’t steed, driûwe loai nei
’t Easten ta, hwer de moanne great en roun út ’e dauwe weisilen komt as
in dreame-skip oer ’e Ald-Dyk. In reiddomp klaget yn ’e mieden....
boem.... boe..m, fierôf andert in oaren. It heart efkes onhúslik,
wintereftich, binaud.... Den is alles wer stil en moai....

Yn dy moaije joun giet Wolmoet mei hjar maten nei it feest. Is ’t net
in prinseske, tinkt Foppe-om en sjocht hjar efternei. Hokker ’t joun
ris wirde scil, hokker feint scil yn ’e ginst falle fen syn lytse
keningin? ’t Moat nou ek ris wêze, hja is al yn ’t njuggentsjinde jier,
mar altyd sa.... sa.... koel. Ho hat se Kinge fen Lieûwe-om hawn! dy-t
op in Sneintomiddei ris hwet frijpostich waerde yn ’t kuijerjen troch
’t hôf! Kinge hat der net in foet wer binnedoar set.

De hospes stiet krekt op in lange ljerre en stekt de kjersen op yn ’e
lantearnen oan ’e balken fen ’e trochreed. Der hingje in pear
pompierslingers oan en ta eare fen ’e frânske gasten in great pompier
en der mei gleone read farwe letters op: Vive la Françe! Hwent Wiggele
Wyldhier is in goed patriot, hy draecht as Janom ek altyd reade hoazzen
en drinkt út in blau reauke en rint[5] gesworen mei in greate kleurde
cocarde op ’e âld pet. En dy-t om syn spreuk der net yn wol, dy bliûwt
der mar út.

 [5] Historysk.

Hy hat syn wird gestand dien en ek in pear Westereinders opstreweard,
om de ljue der út to keiljen, dy-t altomets net om lyk wolle. ’t Binn’
reuzen, mar optheden njúd en stil mei de mage fol pankoeken en glei
spek en nou drok dwaende, om skammels en banken oan to dragen.

Yn ’e hoeke op in âld moalkiste sit de spylman, ek al drok yn ’e skrip
om ’e fioele to stimmen en de snaren mei hars to bistriken. En de
hospes komt en jowt him de houten nap, dy-t ’r fielende wei oankriget,
hwent Beinte spylman is blyn.

Hy heart it folk kommen, de jachtweide en de trochreed folrinnen, ’t
gerissel fen ’e greinene skoarten en ’t gebos fen ’e swiersoale skoen,
do bigoan ’r to spyljen en mei syn krêkerich âld-mannelûd to sjongen:

    Ik ben ’r al verre naar ’t Oosten gegaen,
    Daer sag ik myn allerliefst frysterke staen,
    Ik sei ’r: hoe duur is een kus fen dijn mond?
    Ik kuste so geren myn herte gesond!
    
    O ruiterke stout, hebstû kuskes so geern?
    Ho kanstû jonk frysterke ’s herte bigeern!
    Dat ligt er so diep in een kamerke fijn,
    Dat kan nimmer noait voor een ruiterke sijn....
    
    Ik ben ’r al verre naar ’t Oosten gegaen,
    Geen scoonere liefste en sag ik noait staen,
    Kom rozemond, laet dij nu kussen terstond,
    Ik dek dij met kussen dijn soetrooden mond.
    
    Sij kusten tesamen in somernoenschijn,
    Het ruiterke forsch en ’t frysterke fijn,
    En do’r de mane in den avondschijn glom,
    Do wendde de ruiter sijn peerdeken om.
    
    Het frysterke schreide heur oogekens rood,
    Om ’t ruiterke forsch.... om ’t ruiterke snood;
    Maer diep ligt noch ’t herte in ’t kamerke fijn,
    Dat sal voor de liefste, geen ruiter noait sijn!

It lûd wie net moai mear, forsliten fen ’t sjongen fen tûzen lieten op
wit hofolle marken en jounpretten en doch.... Wolmoet, jong bern,
fielde ’r hwet yn, det eat wekker makke, djip yn hjar hertke ek, like
goed as yn ’t frysterke hjarres yn ’t sangkje.... Kom rozemond, laat
dij nu kussen terstond.... It waerme bloed gyng hjar mei gjalpkes nei
de holle, hja moete de loaitsen fen ien fen ’e frânske soldaten yn ’e
hoeke. Stiif, aloanwei seach ’r nei hjar. Heal biteutere, heal
nijsgjirrich seach se einliks ien tel ek nei him. Leart ynienen op dit
stuit, ho-t in manljueseach lokje kin. Wirdt ta de hals út read en
draeit hjar gysten om nei hjar spylfammen, krekt as wol se der
biskerming sykje tsjin dy skroeijende loaits, hwer hjar herte fen
skrillet yn syn djipste skûlhernen.

De spylman set wer yn, in roundte. Alles, hwet jonge foetten hat, siket
inoar en wylt de âlderen fen ruten spylje nei de tapkeamer ta ef op de
banken ûnder d’âld linebeam, draeit de fleur fen Optwizel for ’t earst
yn ’e roundte. Anders is op Wolmoet takaem, pakt hjar sûnder in bult
fiven en seizen om ’e kliene mil en hja dânsje, det it klapt. It is in
gewanten baes, in feardich jongkearel mei syn moai bosk krol hier en
syn bliere eagen, it pearet net sa min, tinkt Foppe-om, dy-t om ’t
hoekje sjocht. Wolmoet fielt syn hân om ’e mil, himsels tige tichte by
en tafallich sjocht se him yn ’e eagen. Hja skrilt.

„Lit my los”, seit se mei in lyts lûd.

Mar Anders klammert hjar fêster tsjin him oan en draecht se hast.
„Bistû bang?” pleaget ’r. „’t Scil wol wenne. Siz ris, ik kom yntkoart
in nacht by dy to meiden hear!” Syn laitsjende eagen sjogge nou hiel
djip yn hjarres.

Wolmoet hjar moaije blauwe eagen wirde great fen binaudens. Dy healwize
Anders! It lipke stiet prúl.

Foartdaedlik lit Anders hjar los. „’t Wie mar in grapke, fanke”, seit
’r. „Sippe femylje, bist ommers wol wizer. Mar in moai fanke yn ’e
earms, is as in tsjilkfol hjitte wyn oan ’e lippen, ju.”

Wolmoet laket wer en efkes letter sitte se smûk yn in herntsje to
drinken, swiete bramboaze brandewyn en ite der Dimterkoeke en Dokkumer
fluitsjes by. Wolmoet hjar eagen skitterje. Hja geniet for ’t earst de
triomf fen hjar moaijens en bigrypt wûndre skoan, hwerom de feinten nou
sa hastich op hjar takomme en de spylfammen hjar spyt hast net mear
forkropje kinne.

Der ynienen sjocht se de frjemde feint wer stean, dy-t se fenmiddei ek
al seach by Wibe Lubberts en grif kinde hat oan Foppe-om. Bleek en
slank stiet ’r der yn syn donker habyt, praet mei in pear ljue, drinkt
den stadich wei syn bier út. Der is hwet sûnders oan him, hja wit net
hwet. Eat rêstichs, eat, det de oaren hjir net hawwe. Tomûk sjocht hja
noch ris nei him. Hy dânset net, nou ’t der wer in roundte spile wirdt,
krekt as is ’r to greatsk om in faem to freegjen. En Wolmoet winsket
ynienen, det ’r hjar frege, hjar allinne. Hja scoe mei him wolle, ek
wol faker as ienkear.

Mar hy draeide him om en waerde wei yn ’t gewoel. De joun gyng syn
gong.... it spyljen hâldde efkes op, de spylman bigoan bylâns to rinnen
mei syn nap en de duiten en ’e fijfjes rôllen eryn. It waerde in fette
joun, it jongfolk goederjowsk. Ho scoene se ’t ek net op ’t ienichste
Twizeler feest?

Der ynienen, dreame hja? Foppe-om stie foar hjar en neist him dy
frjemde feint. In bliid skokje trille hjar troch ’t hert.

„Dizze feint wol ek ris mei dy dânsje, Wolmoet”, sei ’r. „Nou Roanes,
gien dyn gong. ’k Scil ris sjen, ast se wol fen ’e flier krije kinst.
’t Is in stymsken ien”, pleage ’r en joech him glimkjend ôf. Einliks
dochs.... hy hie oars al tocht, it waerde neat.

Nou wie ’t den sa fier. Wolmoet lei hjar hantsje yn Roanes sines, hiel
lichjes lei ’r syn earm om hjar hinne en der draeiden se yn ’t roun,
stadich earst, al hirder en hirder en op ’t lêst roerden hjar foetten
hast nin groun mear, hja sweefde deroer, ienwillich mei hjar sterke
hâlder en neat oars mear fielende as de sêfte twang fen dy skuttende,
draechjende en troaikjende earms.

Hja waerde waerm en ynein, mar sei it net. Al scoe se ’r nou by
delfalle, hja dânse troch. Nou gyng ’t stadiger, al mar stadiger. Hy
seach hjar hjitte wangkjes en de switdripkes op ’t blanke foarholtsje.

„Kom”, sei ’r sêft en hja gyng mei, it hantsje noch yn sines, det ’r
bifrijde mei lytse forljeafde knypkes. Nei in hoekje stevenen se ta,
hwer it net yn ’e sigen siet en skimerich wie en stil en der liet ’r in
flesse wyn komme en soeskreakels en der smûzden se do togearre fen,
krekt sa as nys ansens mei Anders, mar nou dochs oars o! hiel oars! ’t
Wie hjar frjemd tomoete.... hy hie neat fen it optwingerige fen ’e
oaren en doch.... hja foege hjar jern nei syn wil en fielde hjar thús
en feillich by him as in skutte tsjin ’t woelige folk, det noch mar net
bikaem like to wêzen fen ’e reboelje fen ’e middeis. Hjir en der
mûskoppe in kloftsje yn in herntsje, guont er fen de holle en ’e hânnen
yn wynsels biswaggele, der waerde ek al ris in fûst skodde tsjin de
Frânsken, dy-t op ’t eareplak ticht by de spylman sieten en mar fen
alles op ’e skammeltafel opdisse lieten, hwet mar lekker wie. De
patriotten en hjar oanhang krûpen der ticht omhinne, eksteur mei syn
assistinten, de biisjager en in stik ef hwet nearingdwaenden, wylt de
prinsljue, al de geseten boeren en oare eigenerfden by inoar hokken op
’e oare ein. Skaet as bokken en skiep, seagen se inoar oan mei
ûlseagen.

Roanes seach de binaudens yn hjar ljeave eagen en gau biredt krige ’r
syn glês op en brocht it hjar yetteris ta mei in bizich glimke en hja
helle it loddereindoazke út ’e bûs. „Ek ris rûke?” sei se in bytke
pleagjend. Do seach ’r hjar for ’t earst oan, lang, o sa lang..... Hjar
hertke trille. Hja sloech de eagen foardel en waerde oer en oer read.

„Wolmoet!” sei ’r sêft, mar mei neidruk. Do moast hja de eagen wol
opslaen en sjogge him oan. Alles sonk yn in dize wei.... krekt as
wierne hja der beide optheden mar allinne oerbleauwn fen al det folk en
waerde se hoeden yn in nije wrâld fol heimsinnige moaijens laet.

„Sá is it goed”, sei ’r wer earnstich-wei. „Dû moast net bang wêze, ik
mien ’t dy goed.... tige.... goed”, en de ljeave earnstige loaits fen
syn donkerblauwe eagen telde it hjar noch folle better as alle wirden,
ja hy miende it hjar goed.

„Bistû nou utrêst? Den scille wy yetteris skotse”, en hy smiet twa
skellings yn ’e spylman syn nap en rôp: „In skotse, Beinte-baes!” En
Beinte-baes stimde de fioele opnij en de fluiten kamen der by en ’e
triangel. Wolmoet hjar jong hertke tilde op fen wille. En einliks liet
’r se los en wie dit moaijs foarby en siet se wer by de spylfammen en
dânse wer gewoan. Dit allinne hie oars west.

„Nou, nou, dû dochst it mar”, pleage Anders en kaem hjar al wer op ’e
side. „Wol sa op ’t snjit mei hjar Eastermarder, hwette? Meijst wol oer
boatsje farren, fanke?”

Wolmoet pluze hwet mei de kanten fen ’e skelk om.... hja wie noch to
jong, to nofteren om in gekjeijerich wirdtsje werom to finen. In bult
jongfolk kaem net yn ’t Bouwekleaster, Anders en Wynsen wierne al
wakker de ienichsten en langlêsten.... Ripperda. Mar dy stie sá fier
boppe hjar, dy hearde net ta hjar wrâld sa to sizzen. En Anders wie
hielendal los fen ’t ket joun, diich sa ’n steil wird, det de fammen
gûlden hast fen ’t laitsjen en woene der wol om fjuchtsje, hwa ’t mei
him dânsje scoe. Mar Wolmoet koe dy eare neat skille. Hja miste hwet,
sont se Roanes foartgean sjoen hie mei Foppe-om en oare prinsljue nei
de gelachkeamer ta. It feest wie syn gloarje kwyt.

Bûtedoar barnden se nou tartonnen en smieten mei swervels. Opslûpen
jonges sprongen der omhinne as tsjammen. By en hwennear de lôge der
goed útsloech, seach min de bûrsterhuzen, de mounle en ien amerij in
âld bijestal en der siet in pearke smûk to frijen, sa ’n
twiskenbeurtsje. ’t Folk roan allegear bûtedoar, de jachtweide en ’e
trochreed rekkene leech.

Ek de nij-ynkommelingen, de Frânsken, de forspuiden, settene der op ta
en stiene, hwette appart, der nei to sjen, de lytste foaren-oan. Hja
kipten hjar hielendal út ’e Twizelers mei hjar fynbisniene antlitten en
donker útsjoch, mar de lytste noch wol it measte. Hy like ek wol de
heechste yn rang to wêzen, grif de brigadier, hwent syn streken op de
mouwe wierne breder en fen klearebare goud, syn plûm op ’e mûts greater
en syn hiele hâlding dy fen in man fen oerwicht en gesach.

Wolmoet stie net sa fier fen him ôf, kant en kein yn hjar blaukleurich
pakje, in fris roazeknopke fol geur en kleur en hy, de frouljueskenner
fen in bulte lânnen, bispeurde it wûndre skoan, dizze hjar moaijens wie
echt. Hja fielde it, der stoareage aloan immen nei hjar en seach
ynienen yn ’e fierte wer dy moaije gleone eagen, dy snikwite tosken
ûnder it swarte snoarke, krekt as laken se hjar ta.

Koart biredt draeide hja hjar om en socht om Anders. Mar ’t wie sa gau
net, as de frjemdling mirk it en fielde ’r de tobekset út. Det joech
him in prip. Dizze just, dizze ynfierene doarpsprinsesse scoe ’t nou
wirde, dit teare lytse famke fen frjemdlânsk bloed mei hjar greate
séblauwe eagen en ’e kantene fichu om ’e smelle skouderkes.

En do-t de jachtweide en ’e trochreed wer folroan en bline Beint op syn
heech sit in skots ynsette, stapte ’r permantich út it folk wei en mei
de hospes foarop as help yn need, op Wolmoet ta.

De greate goudene tressen op syn uniform skitteren, syn spoaren
rinkelen, hy naem de berefellene mûtse ôf, wist omrake goed, ho-t syn
fyn bisnien donker antlit den op ’t alderfordéligst útkaem ûnder ’t
roetswarte, gledkiemde hier. ’t Gemien gyng oan kant.... de spylman
hâldde op. Dizze eare wie great.... der moast stiltme by wêze.

„De heecheale boarger, monsieur Dompierre wol mei jou dânsje. Kom mar
ris harren”, en Wiggele Wyldhier, goe patriot oan ’e lytste tean ta,
kromp yn inoar as ien boskje onderdanigheit foar de hege hear.

Wolmoet bitocht hjar efkes. „En ik wol net,” sei se do.

Monsieur Dompierre bigriep der neat fen. Dit wie him noch noait
oerkaem, net yn Parys, noch yn Amsterdam, hwer se om him hinne
flodderen as de finken om ’e floiter en nou hjir.... hwet wie det....
Wegere se syn ginsten?.... Koe ’r net mei gewelt nimme, hwet him net
goederjowske graech jown waerd’? Koe ’r se net nei Ljouwert slepe litte
twisken tritich ruters yn en oerdrage oan guont, tûzenkear slimmer
maten as hysels, dy-t de heechste priis as losjild fregen fen in moai
faem....? En monsieur Dompierre syn tsjokke ier op ’e foarholle sette
út. Det foarsei net folle goeds.

Stilwei kamen syn soldaten om him hinne. Der wie gefaer, hja fielden
it, mar wisten einliks net, hwer it om gyng yn dit forflokte lân fen
sompen en gatten. Fen ’e oare kant bigoanen de ljue ek op to
kringen.... Foppe-om en Roanes stiene der middenmank. Hja bistoaren ’t
hast fen skrik. Hwet bidiich Wolmoet der yn ’t foarmidden twisken de
soldaten? Hja bigoan to praten. Foppe-om pakte Roanes syn hân, knypte
him hast stikken fen deabinaudens.

„Stiltme!” raesde der ien.

Do hearden se yn dy stiltme hjar helder lûd. „Ik dânsje net mei in
patriot. Woll’ jy him det bitsjutte?” Hja sei ’t bidaerd, mar hjar lûd
trille en hjar eagen stiene fol triennen.

Ien amerij bleau ’t noch stil, do wie ’t ljeave libben geande.
Dompierre scoe hjar fen ’e bank ôflûke nei him ta, mar as jonge lieuwen
fleagen de Twizeler feinten him oan. Hy skûrde de sabel út ’e ské en
syn maten diene fen ’t selde, do pakten de oaren de skammels en de
banken en sloegen der as mâllen op los.

Wolmoet en hjar kammeraetskes spilen fen ruten, mar by de doar, der wie
de greatste reboelje. Do scoene se ta de syddoar út, der kaem Foppe-om
mei in hiele oanhang oansetten. Der wie gjin untwyk mear, gjin kant út.
Dompierre, razen fen sneuens oer syn tobekset, socht hjar oeral, om se
dea to stekken, raesde ’r breinroer. Hja hearde syn frjemdlânsk lûd
boppe alles út.

O hie se dochs mar ien roundte mei him dien! Mar ien! Né, sei hjar
greatsk Oranjehert, scilst sloaije? gjin fijan de frjeonehân, noait en
to nimmer net en hja mikere alle kanten út, hwer mar in mûzegatsje to
finen wêze scoe.

„Hjir! Gau!” hearde se ynienen hwa sizzen. In donkere omslagdoek waerde
om hjar hinne slein, o sa heech, oer ’e holle, oer ’e eagen, twa, trije
né wol fjouwer pakten hjar beet en gauwer as se ea tinke koe, waerde se
trochjown fen d’iene nei d’oare en stroffele einliks oan ’e hân fen ’e
lêste in smel gongkje lâns, troch in skûrke, in efterdoar út, op ’e wei
en do oer ’e wei efter de huzen, sa hird as hjar lytse foetsjes hjar
mar drage koene.

„’t Giet der om, fanke”, flustere der immen deun neist hjar, „dit ’s
libben ef dea joun, lytse dappere Prinsman”, en in greate, waerme hân
joech hjar in hiel lyts triûwke. Hwerom hie se iderkear al de
wissichheit hawn, det it krekt dizze hân wêze scoe, dy-t hjar laette? O
it herte fielt sa fyn.... foartdaedlik hie se ’t al formoede.... nou
wist se it. En al scoe ’t nou de nacht sa troch gean, de tsjustere lije
neisimmernacht, hja wie net bang mei dy allinne. Hja sei neat, roan op
in drafke neist him.

„Sjesa”, bigoan ’r einliks, „it gefaer is foarby. Gien hjir de reed
efkes op, hwette yn ’t tsjuster fen ’e beammen en de doek hielendal om
dy hinne en wachtsje. Ik moat Foppe-om tynge bringe....”

Nou fleach hjar dochs de binaudens oan. Hja abbeleare tsjin. „Kinst net
bliûwe?” smeke se. „Kinst net?”

„Ik moat mei dyn omke prate en ’t oare Oranjefolk. Sjen, det wy ’t sa
bikûpje kinne, detstû bûte skot komst en oars.... Dû bist optheden yn
libbensgefaer. Slimmer ast sels wol tinkst. En op alle Oranjeklanten
wirdt dyn dwaen wreekt. Op dysels as se kinne it measte. Mar wy binne
yn Gods hân, fanke. Hy kin selst it tsjoede ek wer keare litte ta goed.
En as wy Oranje tsjinje, den tsjinje wy yn Oranje Him.... Ien amerijke
en ik bin wer by dy....”

Hja seach him gean, yn ’t tsjuster in breed tsjuster skaed.... en
hâldde him net. Hja makke hjar lyts efter de wringe, de swarte doek oer
’e wite flodder en ’t ljochte feestkleed, hjoed sa mei freugde
oanlitsen. Ho ’n dei, ho raer syn ein! Hjar earste feest en licht....
hjar lêste....?!

Hwer wie Foppe-om, hwer Anders? O licht wol dea! formoarde! Hja raesden
der noch wakker om yn ’e fierte, mar ho-t it der krekt foar stie, koe
se der net út wys wirde, derfoar wie ’t to fier ôf.

Hja wist net mear, ho lang as se der nou al allinne siet. Hja skrilde
fen elts wyntwirke, fen ’t fallen fen in toar bled en ’t risseljen fen
hjar eigen skoart. Hjar hert sloech as in wyld efter ’t siden
spinserke, de syken gyngen hjar red, mar net allinne fen ’t hird rinnen
fen nys ansens.

Yn in húske oer ’e wei bigoanen se mei in tútlampke yn in greate keamer
om to skermesearjen, grif setten se de bêdsdoarren op. ’t Joech hjar de
treastlikens fen ’e biwenne wrâld en minsken tichteby. ’t Wie ek noch
net sa let, om tsjienen hinne, einliks noch net ienris nacht. Mar is in
neisimmernacht mei syn loft fol fonkeljende stjerren wol ea tsjuster?

Sûnder, det hja him oankommen heard hie, stie Roanes wer foar hjar. „Ho
wie ’t? o.... ho wie ’t?” kaem der hoartsjend út by hjar.

„’t Giet mâl,” andere hy mei in djippe sucht. „Hja slagge yn inoar om
as wylden. Wibe Lubberts ha se healdea slein, omt ’r „Vive la France”
forskûrd hat en Dompierre hat in sneed oer ’e hân en hofolle as ’r mei
in bloeddrige kop omrinne, det stekt net nau. ’t Is in griis. Foppe-om
bliûwt to nacht by Eadske-en-dy-s, hwent dy scil de neipret wol krije
mei dy dronken divels.”

„En.... ik,” sei se hiel sêft, deun neist him op it smelle sânpaedtsje
fen ’e hearewei.

„Dû giest mei my, okke”, flustere ’r hiel tear en fielde foarsichtich,
hwer hjar kopke wêze koe ûnder ’e greate, bifeiligjende omslagdoek. Dy
skouwde ’r hwet tobek en naem do it triljende mûlke syn allerearste
patsje ôf.

    Kom rozemond.... laat dij nu kussen terstond.
    Ik dek ’r met kussen dijn soetrooden mond—

reaunte it yn hjar. Hja stie hiel stil tsjin him oan nou, alhiel
oerjown oan syn wil fen nimmer. En wer en wer socht ’r hjar.... ho
tichteby fielde se nou syn smel, earnstich antlit, syn mûle, dy hjar
mûle om wûnderljeaflike anderten twong.

En do gyngen se togearre stil op hûs yn, de iensume sânwei lâns fen ’e
Koatsterhoek nei de Ham, sims neist inoar, sims efter inoar. Nin minske
moete hjar mear, de Koatsters wierne op bêd en do troch de Ham en de
Skalkepaden[6] oer nei ’t Bouwekleaster.

 [6] It Bouwekleaster waerde yn âlde tiden ris bilegere. Ut kriichslist
 namen de kriichsljue de flucht? nei de Skalkepaden. de mûntsen
 mienden, hja joegen de bilegering oer en setten hjar nei. Do kamen de
 fijannen fen ’e oare kant wer opsetten en namen ’t kleaster. Sa
 forskalkten se hjar.

Lysbeth bistoar it hast fen skrik, sa let yn ’e nacht noch folk en
hokfoar folk! En Wolmoet sa raer optakele, in swarte doek om ’e holle
en in greate tibéjene skoudermantel oer it pakje en hwerom wie se net
by Wibe Lubberts bleauwn útfenhûs? En hja bigoan to gûlen, goe-sloof.
Mar do-t Wolmoet hjar sa jong en fris mei sa’n lokkige glâns yn ’e
eagen út de omslagdoek woelle en alles torjuchte prate, sûnder nou just
foartdaedlik de hiele wierheit to sizzen, ea, do sakseare it wer hwet.
Wobbe kaem ek noch yn ’t foarmidden.... ’t fjûr waerd’ yetteris oanset
en kofjemeald en broggen snien en do-t dy bipluze wierne en ’t nijs
forteld, seine Wobbe en Lysbeth bizich fen nacht....

Hy siet foar ’t fjûr to smoken en hie tomûk syn eagen net fen it lytse,
ljochte figuerke ôf, suver in sintsje fen fleur en kleur yn dizze
tsjustere binnekeamer. Ho jong en linich wie se, ho fyn bisnien it
kopke, ho leeljeblank it fel! Syn brúnforbarnde greate hânnen liken ’r
suver swart by!

Einliks wie ’t in amerij sa deastil yn ’e keamer, det hy hearde it
tikjen fen ’t horloazje yn ’e fesjebûs en oars neat mear. Hy seach ris
om him hinne, in fyn glimke heldere de earnst fen syn antlit, do-t ’r
hjar der sitten seach oan ’e lânsein fen ’e tafel, sa fier fen him ôf
as ’t mar koe. Hy gyng oerein en stadich nei syn oerhearrich selskip
ta.

„Dyn plak is by my by ’t fjûr, tocht ik”, sei ’r en lei hiel hoeden syn
hân om hjar skouderke. In stille blide glâns kaem yn hjar eagen, do-t
hy hjar wer oanroerde, mar hja bleau sitten yn hjar hoekje by de skerm.

„Dû moatst mar droegen wirde”, en hy tilde de stoel mei syn hiele
ljeave fracht op en sette him neist sines del.... Do lake hja mei al
hjar toskjes bleat en joech hjar willich yn ’t skûl fen syn earms, dy-t
hjar al tichter en tichter tsjin him oantreauwne, sûnder der acht op to
slaen, as de kanten doek ek knûkken krije koe ef de floddermûts út de
ploai reitsje.

Nou tochten se net mear om de rare útein fen hjar feest, nou wierne se
neat oars as twa onskildige jonge bern, dy-t inoar it earste hillige
ljeafdewitten leare....

Hy bleau net lang mear.... hy moast út namme fen Foppe-om en Wibe
Lubberts, Bindert Jacobs, Wolmoet hjar bûrman noch tynge bringe en den
ek noch nei fen Skeltinga ta op ’t slot to Stynsgea, de beide
foarmannen fen it forset tsjin de patriotten yn it hiele gea. Hy koe se
beide fen oansjen, mar der yn neare nacht mei sokke boadskippen
oankomme to moatten, der hie ’r ek al net folle smucht op.

En wer en wer preau ’r de hunich fen syn simmerblom en koe hast net ta
skieden komme.... En dochs.... it moast einliks. Hy wist, ho swier as
de kommende dagen wêze scoene, as de kniper op ’e skine kaem en Wolmoet
opbrocht wirde koe en yn ’t rjuchthús fen Stynsgea neitinke oer hjar
sounen. Den moast ’r hânnele wirde, sterk en strydbiredt, as dit teare
skepseltsje, great fen moed him en alle oare Oranjemannen nedich hie.
Foppe-om en hy hiene net om ’e nocht in wird-mennich mei inoar wiksele
yn ’e foarnacht en swierwichtige wirden wierne der fallen oer flucht en
forskûl en oare dingen, hwer nin Roanes Gearts ea om tocht hie, bihelle
to wirden.

Sa fredich as de nacht forroan der yn ’t stille Bouwekleaster, der yn
dy smûke binnekeamer, sa wyld gyng ’t der yette oan wei yn ’e
Optwizeler bûrren. De Frânsken krigen help fen hjar maten út Bûtenpost,
mar de Optwizelers, ek net mak, sloegen der yn mei flaljeklappen en
kneppels. In great kearel kleau op in bierfet en raesde: „Dit ’s noch
ris foargoed Oranjeboven!” en smiet mei snuf. It waerde in geprúst en
gelaek en gegûl sûnder ein, de Westereindsjes krigen der al in pear út,
mar nijen, gleon om de patriotten ris in pyk to setten, krongen ta de
foardoar wer yn, sterk yn ’t bisef fen hjar manmachtigens. Foppe-om wie
der ek middenmank en al ho-t it him ynwindich ek hage, sa Oranje
fordedigje to hearren, hy eange, ho-t de gefolgen wêze scoene. En hy
riboske.

Der ynienen, nimmen wist, ho-t it kaem, stie Wibe Lubberts yn ’t
foarmidden, bleek en stil, in great bosk goudtsjeblommen foar op de
hoed.

Lang ein kearel as ’r wie, stike ’r boppe alles út en ûnder it razen en
skreauwen wei om him hinne, krige ’r de hoed ôf, swaeide ’r mei oer it
folk en rop mei syn swier lûd: „Dit is for ivich noch Oranje boppe,
mannen!” Krekt kaem eksteur der yn, wer fen in nij wynroeske bikaem en
mei him in stik ef hwet gens d’armes fen Kollum en det wie ynienen: pak
oan en bring op, ho-t it folk der ek tsjin abbeleare en Foppe Lieûwes
selst hûndert goune bea as losjild en boarch. It gyng allegear sa gau,
det do-t it folk ta himsels kaem, wie Wibe Lubberts al lang de
Wedzebûrren troch op reis nei ’t hounegat yn ’e âlde stompe toer.

Eksteur hie ’t rapport fen ’e middeis noch ris neilêzen en wie wys
waen, min koe der licht to Ljouwert út opmeitsje, hy hie de saek
blau-blau litten en wie net goedernôch for de bilangen fen it Frânske
gesach opkaem. Nou koe hy it den ris better toane, diselde deis noch!
Stie op it dragen fen goudtsjeblommen, selst it plantsjen en hawwen yn
’t tún net in greate straffe en dizze Wibe mei syn gebalt fen: „For
ivich noch Oranje boppe!” scoe ’r ’t ris goed yndruije litte yn ’t
blokhús. Oranje wie der foargoed ûnder, totrape, twa foet ûnder de
groun. En hy dronk him yetteris in nij roeske yn ’e neinacht, swiet
biselskippe fen monsieur Dompierre, dy-t wol in pynstillingkje
fennoaden hie.

De oare nachts waerde Wibe Lubberts twisken sa ’n tweintich rúters yn
nei Ljouwert ta brocht en flapten de Blokhúsdoaren mei in swiere pomp
efter him ticht[7]. Monsieur Dompierre oan it haed fen syn binde hie
him sels ôflevere en barde in skoan sieleranselerslean for syn
tsjinsten, sa great, det ’r in fjirtsjin dagen ûnder wetter bleau en by
tiiden en ûntiiden as in goed troubadour l’amour en les belles bisong,
ont in lege pong en in heaze kiel der einliks in stokje foar stieken.
Do waerde monsieur Dompierre wer njúd en do-t der op in dei ek noch in
bifoardering bykaem ta heger rang yn ’e greate sted fen Utert, draefde
’r mei in bliid gemoed op syn moaije swarte merje wer det út nei ’t
Easten ta. Hy scoe dy Optwizlers wol lyts krije.

 [7] Extract Sententie voor Wibe Lubberts gevangen. ’t Hof en c.
 condemneert de Gevangene ter zaake, dat de Gev. op Zondagavond 12
 September 1795 ongeveer 9 uiren in de herberge van Wiggele Jacobs te
 Optwijsel zijn hoed, welken hij met geele zoogenaamde Goudtjebloemen
 had verciert van het hoofd heeft genomen en gezegt, dat is oranje
 boven, alles breeder ten Processe gemeld—te zitten te water en brood
 den tijd van zes weeken—condemneert de Gevangen meede in de costen van
 den Processe tot ’s Hof’s Tauxatie, en verklaart den klager tot zijn
 verder genoomen Eisch en Conclusie niet ontvangbaar.

    Acte den 7 Octobre 1795 Ter Ordtie van den Hove:

    kost f 7,—

                    get. S. Faber.

It dûrre net sa bare lang, as it Frânske regear to Ljouwert bimoide him
dochs mei dizze saek. Koe min dy smaed op yen sitte litte?

En it folk bleau roerich. Optwizel, de Koaten, de Droege Ham, Iestrum
en Easte-Mar, it wie der sa’n rare hoeke, hja koene der kwalik in
patriot fen ’e hûd bliûwe en sadwaende makke dizze goede saek der
alhielendal gjin abbesaesje. En nou dit der noch by! Der kamen hege
hearen yn greate karossen en hynstefolk by de fleet, ta straf krige
hiele Optwizel swiere ynkertiering, sims in man ef seis yn ien hûs. It
folk forkroppe syn lilkens.... fielde optheden, hja wierne ûnderlizzend
partij. Der moaste boete bitelle wirde, net sunich en der waerde mei
flyt nei pinfiske, hokker Optwizeler jongfaem it west hie, dy-t
monsieur Dompierre sa yn ’t iepenbier misledigje doarst. Mar nimmen koe
se.... wie ’t net singulier? ’t Hie in Ljouwter west, miende immen,
guont dy-t dy deis út to plaisierriden wierne en fensels! fensels!
bigriep det fanke net, hokfoar eare sa’n hege hear hjar net oandwaen
wold hie. En monsieur Dompierre socht heech op ’t hors ef geandefoet de
hiele omkrite ôf, forljeafd en lilk fen beiden op det keine ding,
hwaens moaije blauwe eagen him ljeafliker liken as syn heitelâns
loftblau yn ’t Suden fen Frankryk, mar hja wie wei en bleau.... wei. En
yn grimmitich sloech ’r op in goede joun alles koart en klien yn ’e
„Swarte Jagtwagen”.

Do pakte Wiggele Wyldhier him by de goudene kraech en saeide him
bûtedoar. Det getaep altyd for slitersjild oan dy Frânsken bigoan him
mar danich to forfélen en nou ’r sels ek al twa man ynkertierd hie,
dy-t ieten fen syn skieppetsiis en dronken fen syn jenever, sûnder ea
de pong ris los to strûpen, nou lei him „vive la France” ek al net mear
sa foarenoan op ’e tonge.

Der gyng in dei foarby en noch ien.... Wibe Lubberts kaem mar net wer
thús. Earst tocht min der net sa om, eltsenien hie syn dagelyks wirk en
de measte patty wierne de hiele dei op ’t lân to ierdappeldollen ef al
wer to ploeijen for de winterfrucht, mar do-t Wibe Grytsje mei in
bidrukt gesicht sels to ierdappeldollen gyng, de âldste jonge mei en ’e
lytse poppe yn ’e kroade, do waerden de frouljue der hast moilik ûnder
en de manljue hjar bloed hjit, al swijden se.

Mar de oare moarne stiene der fjouwersum guont to ierdappeldollen op
hjar lân en gjin loaikerts! en de oare joune siet it measte al yn ’e
bult! gyng ’t net mei geande weinen? krekt op itselde steed, hwer Wibe
langlêsten fen praet hie, it graech ha to wollen.

En dochs hie Grytsje hjar moed net en siet jouns yn ’e hirdsherne to
skriemen en tocht fol innigheit mei hiel hjar sêfte sterke
frouljuesljeafde om hjar man, dy-t hja wist it, noait hwet dien hie ef
dwaen kind hie, det net strookte mei syn gelove ef gewisse. En mei de
Oranje ’s wierne se troch detselde gelove forknotte, en as ’t moast,
der woene se offers for bringe, alle Friezen, dy-t noch leauwden oan
God de Heare en Syn gebod.... hjar man.... en o as ’t moast hjasels
ek....

Wylt de triennen stadich op hjar hânnen dripten wist se, hwer se nou ek
treast en stipe fine koe en hja gyng derhinne mei al hjar herte
drôfheit en bikommernisse. Hy, dy-t de widdou en de wees noait yn hjar
lijen omkomme lit, scoe hjar ek de skutte jaen, hwer se sa ’n forlet
fen hie.

Hja helle it âld psalmboekje út it kammenet en lies by it flaue
kjerskeljocht noch ris wer it jubelliet fen treast en forlossing for it
herte, det nei útkomst snokt, al fen tûzenen foar hjar ek bi-ame, as se
gyngen yn ’e skaden fen de dead ef de tsjusterste djipten fen wrâldske
ellinde peilje moasten:

    „Ja, de Heer zal uitkomst geeven,
    Hij, die steeds zijn gunst gebiedt,
    ’k Zal in dit vertrouwen leeven,
    En dat melden in mijn lied,
    ’k Zal Zijn lof, zelfs in den nacht,
    Zingen, daar ik Hem verwacht,
    En mijn hart, wat mij moog’ treffen,
    Tot den God mijns leevens heffen.”

Hja hearde it sykkeljen fen hjar lytse bern op bêd, hja tochte om hjar
man yn syn binypt tichthúshokje.... Mar hy litte for in goede saek en
al scoene se him ek giselje ef brânmarke, ja al binamen se him ek it
libben, syn ljeafde for Oranje scoe hy net ôfswarre. En hjar fyn
frouljuesgefoel sei ’t hjar wol, al hwet nou noch yn Ljouwert tahâlde
en ynfloed hie sa’s minhear Ripperda en de Hoppérussen en minhear
Falentijn en de Witt, scoene mei mannemacht skrippe om him frij to
keapjen ef de straf forlytse to krijen. En hja hiene noch in bulte
macht, dy hearen fen it âld regear.—

De tiid dy gyng syn gong. It waerde hjerstiger en op in moarntiid bleau
it mistich.... om middei hinne kaem de sinne der troch en skynde op in
lange spjirrebeam mei boppe yn ’e top in greate blikkene hoed en det
hiele saekje wie me der delplante mids op it gêrsroundel fen ’e
trijesprong, hwer de Wedze[8] en de hearrewei yn inoar forrinne. Greate
reade linten waeiden der by del en yn ’t wyt klaeide fammen dânsene der
omhinne, ek mar in stikmennich, hwent dy-t hwet wierne, hâldden hjar
fij.

 [8] Historysk. De hjerstmis fen 1795 wie der ûnder „sêfte twang” ek al
 in wapene frijcorps to Optwizel oprjuchte ûnder de sinspreuk:
    Met hart en hand voor ’t vaderland,
    Staat ons gewapend corps geplant.

Fen der Kooij fen Stynsgea, boarger „representant” fen „de Bataafsche
Republiek” hie oarder jown, as der binnen fjouwer wike gjin
frijheitsbeam yn Optwizel plante waerde, den scoene se mei dûbbelde
ynkertiering straft wirde. ’t Stie him min oan, skreau ’r, det min det
oerhearrige folk dêrre net better to-plak sette. En hja moasten soargje
for mesyk en fammen yn ’t wyt en Durk stoker fen ’e Tille for jenever.

Wiggele Wyldhier wie redsum, Beint kaem mei de fioele en de jonges mei
’t oare ark en diselde fammen, dy-t de 17e Maert der ek to Iestrum
omhinne dânse hiene, waerden nou útforsocht to Optwizel. In inkelde
Twizelder dânse nou ek al mei, hwette spitich, omt de measte
kammeraetskes absint bleauwn wierne, mar min wol ek wol ris in
forsetsje ha en minhear Braak fen Collum, hwer de Bûtenposters sa’n
moaije frijheitsbeam fen krige hiene, hielendal om ’e nocht, scoe de
Twizeler fammen elkmis in moaije sidene cocarde presint jaen, wie de
hjitting. En sa kaem’t ek. De middeis, do-t it plaisier op ’t heechst
wie en ’e tamboer fen ’t Optwizeler frijcorps in roffel sloech op ’e
greate trom, stapte minhear Braak mei staesje út ’e faeiëton en op ’e
fammen ta en elkmis krige in kleurich siden roaske. En do dânsen se,
minhear Braak foarop, allegear hân oan oan, om ’e spjirrebeam hinne en
’e blikkene hoed.

Grytsje hearde se mâltiergjen en oangean. Hja skripte troch en hjitte
de bern, net op de wei om to stoatskaven. It wie nou al de fjirde wike
en yet gjin tynge fen Wibe. Foppe Lieûwes en Bindert Japiks hiene al
twa kear in reis dien nei Ljouwert en net iens útfikelearje kind, yn
hokker hoeke fen ’t spinhús hy siet. Den hie ’t licht noch bisocht
wirde kind, om ’e wacht om to keapjen en tominsen in libbensteiken to
krijen. Yn ’t kammenet hie se sa ’n tachtich goune oersparre jild, in
hiel kaptael, mar alles, alles scoe se mei blydskip jaen wolle, as se
Wibe mar wer thús krige. By dei en by nacht pakte se der mei om, sa to
sizzen wie ’t hjar gjin tel út ’e tinsen. En it sjongen en ’t
feestfieren yn ’e Wedzebûrren diich hjar suver sear, namstomear, omt
hja fielde, it wie net echt, fen der Kooij woe ’t ommers sá, hy moast
rapport opmeitsje kinne, de Optwizelers wierne al mak, plantene al in
frijheitsbeam en dânsene der omhinne, hellen ’t frânske gesach ek al
mei wille yn!

De sinne sakke stadich, de mist kleau. De bijen gounselen hjerstich
foar de bijestal om, de lêsten kamen mei dau op ’e wjukjes thús en
kroepen sleau en slûch yn ’e koer. Min hearde de kastanjes fallen op ’t
droege bjinstap, sims boarste ’r mei in knap in kastanje iepen op it
hirde hout. Skril lokken de jonge klysters op ’e boppelânnen, ho wyld
en hjerstich klonk hjar rop! en in pear ielreagers skreauden heech yn
’e loft. It waerde al mistiger en mistiger.... it waerde hird jounich
en koel.

De bern sieten om ’e klaptafel hinne en ieten it jounmiel, bidrukt en
stil. De lytse slomme in mûzesliepke yn ’t smûke roun fen memme earm.
De bloune kroltsjes foelen him oer ’t foarholtsje, it sêfte ljocht fen
’t tútlampke biskynde him krekt mei in tipke, it roazereade earke en ’t
sinnebrune halske. Grytsje siet sa stil det, hiel evenredich forweegde
hjar boarst op en del ûnder ’e grilbûnte doek en fol teare ljeafde
rêstten hjar eagen op it slomjende skirtebernke....

De iene nei d’ oare gyngen de bern der stil út.... hoazfoetling troch
’t foarhûs yn ’e keamer op bêd. Hja wisten net ho-t se mem wol net
bystean scoene.... selst Lubbert, oars sa ’n houtsje, sa ’n greate
oppeteur, liet him nou om ’e finger wine en skripte en klauwde for mem
hwet ’r mar koe.

It popke op hjar skirte slomme noch. Hja forheuvele hjar in bytsje en
loek de stove oan. De stiennen flier joech al kâld op. Hiel hoeden
bistoppe se syn lytse foetsjes mei de wollen skelk en skouwde it lampke
hwet toside.

Sa sieten se der in set hiel stil togearre. De lea bifoel hjar,
stadichwei gyngen hjar eagen ticht. In sefte rêst fen slomme loek oer
hjar fyn, koairoun kopke, deis al fen in bulte tearen skeind, nou yn it
lampeljocht noch ris wer fen jeugd ’s wjerskyn formoaijke. Hja
dreame.... Wibe wie wer thús. Hja seach him oankommen, sa ’s ’r gien
wie, net skeind fen brânmark ef beulshânnen. Hja seach syn stil, bleek
antlit ûnder ’e breedskadige hoed, de blydskip yn syn eagen, hja fielde
syn hân op hjar earm.... yn greate oandwaning sonk se swijgsum oan syn
boarst.

„O myn wiif,” sei ’r, „hast my sa mist?” en de triennen forstikten syn
lûd. En hja seach him foar hjar út gean by ’t finster lâns yn ’e hûs.

Do waerde se ynienen kjel wekker. De lytse gûlde, de lampe barnde mei
in lange, walmige, útbarnde piid. It wie in dream.... o alles in
dream.... en de wirklikheit noch o sa swier to dragen. Mar dochs....
spoarde der immen om ’t hûs? Wie der hwa foarhûs? Bûtedoar helle de
jounwyn oan, hjerstich rûzden de tokken fen ’e beammen. Hja wreau hjar
de eagen út.... seach nou wer klear, neat oars as it earmlike,
wolbikende keammerke en hjar popke, det mei lytse klokjes syn jountate
bigoan to drinken, it teare lichemke ticht tsjin hjar oan en ’e
hantsjes op ’t waerme fel fen hjar boarst....

Krekt as glied de drôfenis ynienen op dit stuit dochs fen hjar ôf, in
ôfdroegen kleed, woe hjar siele der net mear fen witte.... It wie
frjemd, mar it wie sa. En moediger, as se yn tiiden west hie, klaeide
se it popke út en lei it neist hjar yn ’e weach. En waerde dy nachts
trijeris wekker.

De oare deis stie hiele Optwizel op iene ein. Myn goede guant noch ta,
de frijheitsbeam fornield! Der lei ’r omkeile, de blikkene hoed yn
moster totrape, de tokken der ôf en wech-en-der-wear smiten, de sidene
sjerp yn fodden toskûrd, de pompierene slingers ta hwet jiske bitard.
De Optwizelers skodhollen en stiene der forslein omhinne. Keuning kaem,
breinroer, eksteur mei syn assistinten, it „Geregte van Achtkerspelen”
Geuke Ljibbes en fen der Kooij yn ’t ferdek hielendal fen Stynsgea en
hja gyngen húske-bylâns en der hja in skalk each op hiene, moasten mar
ris biswarre, hwer hja dy nachts tahâlden hiene. Elts foar oar wist to
biwizen, det ’r thús west hie en net omstoatskaefd dy nachts. De lêsten
wierne om alven hinne út „de Swarte Jagtwagen” wei gien nei hûs ta en
hiene gjin onrie bispeurd.

Der waerde in preemje útloafd fen hûndert goudgoune yn in gloednij
sidene slúfkepong en hwa scoe dy net fortsjinje wolle yn dizze minne
tiiden, nou ’t in fjirder bûter mar achttsjin goune gauw en in melke
kou mar in goed sauntich goune? Jouns yn ’e sûphuzen leine de
oandragers op ’e loer en Saterdeijounen by de skearbaes en hwet letter
yn ’e hjerst scoene se op ’e Bûtenposter en Kollumer marke op hjar
openst wêze, mar’t joech nin byt.

In lyts wike letter stie Grytsje by de wei en altyd al wer seagen hjar
eagen mei langjende loaitsen de kant út nei ’t Westen, hwer de
hearrewei de bocht makket om de harbarge De Benthem en yn ’e Harstewei
forrint. Der lei Ljouwert, der wie hjar man, der gyng al hjar forlangst
nei út.

Hja seach de postwein oankommen yn ’e fierte.... o sa stadich, hwent de
wei wie suver in modderpoel nou mei de hjerstrein en de wiete bledden,
dy-t by tûzenen foelen, hird en glêzich fen ’e nachtfroast.

Hja seach him yn ’e stúdzje wei oankommen en stilhâlden by „de Swarte
Jagtwagen”, de reisgers stapten út en yn. En o! wie det net in bikende
stap? Hja lei de hân tsjin hjar wyld-bounzjend hert oan.... ien amerij
bleau se hast biseffeleas stean hwer se stie, do seach se noch ien kear
det út en roan do mei hasten yn ’e hûs en helle de lytse poppe út syn
widzke en rôp lûd om de oare bern. Boartsjende wei kamen se der oan.
Hwerom rôp mem sa en hwet seach mem bliid!....

In wylde reinfleach snjitte hjar in pear felle reindrippen yn ’t
antlit, hja mirk ’t net iens. Hja stie der mei hjar popke op ’e earm to
wachtsjen by ’t potrak ûnder ’e felreade hjerstige kornoelje.
Unforweeglik stie se der en dochs! o dochs! ien siddering fen ljeafde
en blydskip elts feseltsje fen hjar hiele lichemke en it hert, in
bounzjende blide klok oan ’e kiel ta....

Sá seach se him oankommen, hjar stille bleke man. Fen fierrens sochten
syn eagen hjarres en loaiken al mar djip yn hjarres, al ljeafde en neat
oars.

„Grytsje, wy binn’ wer by inoar”, sei ’r mei in oneinige tearens yn syn
swier lûd,” en hy lei hiel foarsichtich syn earm om hjar hinne as in
steunder. Hja hie ’t fennoaden, hja trille sa, det hja hie der sa wol
hinnesige kind, as hja det ljeave soarchsume hâld net om hjar hinne
field hie. En hoeden naem ’r it popke fen hjar oer en biseach him op en
del en kitele him ûnder ’t fette kintsje en sei, hy like krekt op mem
en wie wol tsjien poun groeid yn al dy tiid. En sa gyngen se yn ’e hûs.

De bern sochten wer hjar hael yn ’e skûrre en op ’e wei, elkmis in stik
koeke yn ’e hân en in grou sûkerslak yn ’e mûle en boartene hjar bliid.
De druk, dy-t it hûs bineare, wie der net mear, hwet it west hie,
biseften se net, mar det it der west hie, bispeurden se wol mei it
fynfielich forstean fen ’t bernegemoed. En do-t Lubbert boadskiprinne
moast for heit en Jan Hindriks, de bûrman oer ’e wei en Sjoerd Harts en
Douwe Everts oansizze moast, heit wie wer frij en fen de iene in fijfje
krige en fen ’e oare in bûsfol moaije apels en fen ’e tredde jild for
in nije draek, do sprong de jonge hast út syn fel fen blidens.

En hwet waerde me det in joun! De bern yntiids op bêd en hja sieten wer
by inoar as yn ’t earst fen hjar trouwen, in krom bêste kofje op ’e
koal en in stik marich fol resinen der by! Beide seine se net sa folle,
mar hja fielden elts foar oar de rykdom fen it by-inoar wêzen sa
inerlik, krekt as seagen se inoar hjoed for ’t earst as sadanigen,
inoar foarbiskikt fen ivichheit.—

Hy markbite wûndre skoan, ho fol as hjar it moed wie en forstânnich wei
praette ’r oer neat oars as blide dingen. Ho goed ’r it hawn hie yn ’t
blokhús, de kofje wol lang net sa goed as by ’t wiif, mar it iten, nou
det wie net sa min. Wie ’r net fleurich? Hy sei ’r mar net by, det
minhear Ripperda fen alles en noch hwet slûke hie yn syn tichthúshokje,
selst toeback en woarsten, hwer de cipier earlik syn part fen krige.

En do einliks de greate dei! trije hûndert goune losjild skikten se him
ta en do hoechde ’r de lêste fjirtsjin dagen net mear út to sitten!
Frij! frij! as in fûgel yn ’e wiide blauwe loft. „En ’t brânmark?”
frege hja lytsmoedich. „Ea kom, hja wie dochs wol wizer,” en hy glimke
op syn stille menear en striek it tichte hier hwet fen ’e foarholle en
liet hjar mei de hân der oer fiele. Det it raer knypt hie, as hy hie to
pronk stean moatten op ’t Blokhúsplein for in giseling fen fyftich
stokslaggen op ’e bleate rêch en in pea fen ’t gleon izer der op ta, hy
hâldde det mar foar him! Mar hwet hie me det in nacht west, do-t it op
’e neil barnde as it losjild komme scoe ef net!

En de oerstjûre weagen fen hjar earm moed bêdde ’r sa stadich del mei
syn sêfte wirden fol treast en ljeafde, ont ’r om hjar reade weake mûle
wer it glimke spile, det syn sit hie yn de efkes opkrolle mûlshoeken en
det hy der sa jerne seach en hja him it popke ôfkrige, om him syn
jounmiel jaen to kinnen, kûs togearre foar ’t knappende houtfjurke. En
hy tanke yn stiltme syn God for dit hearlike weromsjen fen al syn
ljeaven.—

Diselde joune hiel, hiel let, hast yn ’e foarnacht al, slûpte der immen
de finnen út, nei de Sânsleat ta. In swiere bile foel der mei in plomp
yn. Sá liet Wibe Lubberts him de fjouwer wike iensum-sitte bitelje[9].
Hja skeinden him yn syn eare as frij man yn in frij lân, hy formoarzele
hjar symboal ta grús en winske der by, hjar macht mocht wer wirde ta
stof en neat en it âlde, ljeave Oranjehûs noch ris weromkomme op syn
eigenerf yn Fryslân! Hy hie it winske, ja bidden dy nachts lykme
allinne der op ’e iensume trijesprong by de Wedze út it djipst fen syn
hert....

 [9] Historysk.

Der wierne mar twa, dy-t mei him wisten, hwer dizze bile ta tsjinne
hie. De iene wie syn wiif, der hy nea in geheim for hie en de oare wie
Marten Joukes, de skoalmaster en doarpsrjuchter fen Driesum, dy-t him
in goed wike ûnderdak jown hie, om de ljue op in falsk spoar to
bringen. Eltsenien wist net better, as hy hie noch goed en wol yn ’t
tichthús sitten dy joune.... En hy hie it ek west dy nachts om it hûs
fen syn ljeaven....

Efkes ien blinkje fen det hûs, det ûnder de skutte fen syn tek alles
birg, hwet him dierber wie op ierde, efter ’t finsterke ien skimerke
fen syn wiif en ’e lytse yn ’e slom, det joech him de kreft ta de died.

En sa ’s yn him de geest fen forset noch libbe, sa libbe ’r noch yn
tûzenen.

Fryslân liet Oranje net los, likemin as de groun in mei en yn him
biwoartele beam. De stoarm meij komme en him teisterje, in wylde
skûrring him yn ien hoart tognidzje, det ’r kreunende falt.... sjit ’r
den de oare simmers net in lytse teare loat op út ’e âlde stam en wirdt
det nei forrin fen tiden net wer in beam, in greate keninklike beam?

Fryslân liet Oranje net los, né noait.




VI.


Stadich streame de Elbe, gouden yn ’t jounljocht fen dizze heldere
simmerdei. Hjir en der boarten fonkjes ljocht op it wetter, sims
krûzden in pear weachjes oerhearrich omhegen en stie it wite brûs hjar
op ’e kopkes as kroantsjes. Det wie, as in stik granyt ef in greate
peal de stream bihindere yn syn great iensum gean nei syn heit, de
fiere sé.... dy-t tûzen ûren fier wei rôp, al mar rôp om alles, hwet
fen ’e hichte komt yn winterdavering ef simmersljuerking. En de weagen
giene en giene—steden sjenn’ se blinken, lizzende as ealestiennen yn
griene lânsdouwen, slotten rize boppe tichte bosken, hege spits
binuddele toerren komme tichteby en fordwine wer, swiere beamtokken
hingje oer hjar hinne to dreamen yn lije simmernachten en lokje ta
ebjen en forsânjen yn dizze dreamestiltme, mar hja giene, giene
aloan.... hja bliûwe de ivige gongers, de swalkers sûnder rêst for it
hol fen ’e foet, Ahasverus, de nea net rêstende pilgrim.

Mar dizze joun gyngen se dochs yn stadiger sljuerking, dizze joun, fen
gjin hirde wyn, gjin wanlûd en gjin skel gerop skeind, selst de gewoane
deilûden forinnigen hjar ta in sêft geflúster fol wollûdigheit. Der
song noch in fûgeltsje, mar o sa fier ôf, yn ’e lichte lette de klok
fen in kleaster de jounfrede yn nei de deistryd en heech op ’e brune
bergen, dy-t de sinne noch efkes taglimke, blies in harder de hoarn en
dreau it fé de delte yn nei hûs.

Ien tel.... it fewielige grien fen in spjirrebosk stie felread to
gloeijen tsjin ’t blau fen ’e loft.... do forblikte det ek stadich....
de skimerjoun gyng oer ’e bergen. Hjir en der diich dy machtige
bergrige in ynsprong, den liken der in stikmennich húskes delsaeid to
wêzen op ien tropke mei in eigenwiis toerspitske boppe alles út, in
moai hoekje greide lei der kleurich foar yn syn simmerpracht fen
tûzenen blommen, fen in lyts streamke biwettere, det mei hege
sprongkjes by de bergen delkaem en it rad fen in houtsaechmounle
draeije liet, eart it sêft yn slomme sonk yn ’e earms fen syn sterke
maet, de Elbe.

In smelle wite wei roun as in troue selskipper by de Elbe lâns, folge
de lytste krinkel fen syn loop, makke him lyts twisken de grimmitich
loerjende rotsen en breed yn ’e laeitsjende flakte en ’t molle sân
glinstere sa wyt det yn ’e donkerte fen bergen en bosken.

It wie simmer.... it simmerblomt bloeide op syn aldermoaijst yn elts
herntsje, hinge út elts rotsskreefke mei blomkes bisprinkele teare
bleddefranje, kroep omheech as bûnte slingers en sûge him fêst, hwer
mar in hâldfêst to finen wie, elts blomke in lyts oerfol
hunichtsjelkje, ûnder elts bledokseltsje noch in rike skat fen knop en
sprút, in forheuginge foar ’t each. Der dreau in swiere lineblossomgeur
foarby op ’e jounsigen en út ’e delte kaem de rook fen it lêste
nij-woan hea, meand en swile fen it fleurige frouljuesfolk, ek kleurige
blommen yn ’t tún fen ’e wrâld.

Nou gyngen se grapjeijende nei hûs, de foetpaedtsjes lâns oer de bergen
nei hjar doarpke ta, as in skruten famke yn ’t gaes fen ’e opkommende
dauwe forside krûpt oan ’e igge fen ’e greate stream.

Op it doarpspleintsje song in dwarsfloite:

    „So herzig wie mein Liesel,
    Giebt ’s halt nichts auf der Welt....”

en it dûrre net sa bare lang, do draeide alles, hwet mar jonge foetten
hie, yn ’e rounte, om ’e linebeam hinne, dy-t dizze kostlike joun syn
geuren fier de loft ynstjûrde en as feeste ’r mei, sims hwet fen ’e
folripe blombledtsjes falle liet op ’e jonge hollen en se bipuijere mei
goud.

In lette reisger siet op ’e houten bank foarhûs by de doarpsharbarge en
forlustige him yn it moaije waer en it fleurige, bûnte gewimel om him
hinne.

De floit hâldde efkes op.... de hospes kaem mei in mingelen bier
oansetten en de spylman mei d’âld mûts. Dy gyng roun by it jongfolk,
elts offere mei blydskip syn oartsen en niigjende wei kaem de spylman
ek skruten by de hege hear. Hy hie noch nea in kening sjoen.... mar him
tocht, sa moast ’r wêze fen ’e plasse oan ’e soallen fan ’e foetten ta,
ien dy-t stiet boppe tûzenen. Hy seach in great sulveren jildstik....
it rinkele der oer.... Det bitsjutte iten.... in goed bêd.... in nij
buis....

De spylman bûgde yetteris mei de noas oan de groun ta, do joech ’r him
wer ôf nei ’t fleurige folkje ûnder ’e linebeam en efkes letter, der
gyng ’t wer hinne. De reisger seach der glimkjende nei, mar as immen,
dy troch syn steat fier boppe it folksgeniet forheven is, dy-t it
sjocht fen in troan.... yn iensumheit. Hwet sei dy greate dútske
filosoof ek wer? „Jede grosse Gunst der Götter wird erkauft mit
Einsamkeit....”

In jong pearke socht in plak neist him op ’e bank. Hja wie de dochter
fen syn hospes en hy in stienbikker út ’e bergen. Hja sieten stil en
kûs neist inoar en preauwden stadich it let geniet fen dizze moaije
joun, sûnder it mei wird ef laeits to forsteuren.

De moanne kaem op, in onwesentlike greate reade follemoanne en riisde
út it jounige wetter, stadichoan heger. Hwet sprankeltsjes ljocht
tipelen fynfingerich yn ’e âlde linebeam om.... hja teikenen wûndere
skaden fen bled- en blomtúffen op it wite sânpleintsje en troch eltse
rûzing fen ’e wyn weefden dy pitertuerlik hinne en wer. En by tûzenen
waeiden nou de forballe rûkbledtsjes. Geuren fen maitiid, jonkheit, fen
heimsinnige wûnders yn natuer en minskeherte, noch forsonken yn onberte
’s heimlikheit wierne der en det alles bisocht nou optheden yn sêfte
foartrilling ta wêzen en millodij to kommen en it jonge minskeherte,
ryp ta alle lok, syn poarte stie wiid-iepen. Sá biidet ek in hiele
wrâld by-t maitiid de sinne....

De moanne kleau.... de skrille kleuren fen it hiele gea toraenden yn in
tearte fen fynblau en sulver. De bosken allinne stiene stoef en strang
en like tsjuster as altyd nei ’t nachtljocht to sjen.

De dâns wie nou dien, de rokjes wipten net mear, it klappen fen ’e
skoentsjes wie stil.

It lange skaed fen ’e geande spylman foel smel en biweeglik yn ’t
forlitten doarpsstrietsje. De frjemdling syn eagen folgen it.... nou
waerde it ynienen wei. Hy preauwde grif noch in mingelen Pilsener yn in
oar weardshûs.

Stadich gyng hy nou ek oerein, seach noch ris nei de stille wrâld om
him hinne, sa kenber yn ’t fol-ljochtmoanne waer, tear fen kleur as in
Ingelse print en ynienen foel ’t him as kjeld yn ’t hert. It kaem him
yn ’t sin, hwer dy hinge, yn ’t seal fen in âld great hûs to Ljouwert,
sont geslachten it eigenerf fen de Ripperda’s. En as in fisioen seach
’r Ljouwert en ’e omkrite ek sa lizzen yn dit moaije ljocht-moanne
waer, de lytse doarpkes mei hjar stompe toerkes yn ’e hege beammen, de
flakke greiden, fol mei blommen en ’e wetters, noch lij fen
simmermiddeiwaermte en yn ’e ûnbiroerdens fen wyn en dei fen in
wûnderfrjemde eigen moaijens. En de ljeafde for Anne Hopperus, it
heechste fen syn libben, lei noch ienkear wer bislach op syn herte, sa
alhiel, krekt as bilibbe hy yetteris det earste, swietste
ûndergean-yn-willichheit, det hiele oerjaen fen syn sterk eigen-ik oan
de ljeafde.... oan in oar....

Hy hie it noch noait sa biseft as nou.... der wie hwet tobritsen yn syn
libben.... en it scoe noait wer wirde kinne, sa ’s it ienkear west
hie.... Alle herhelling is ommers mindering en gewoante ûnthilligt
selst it alderheechste op ierde....

Den der mar in streek troch! Ho faek hie ’r det al bisocht, ho goed
slagge it ornaris, ont, it him sims nei lange moannen fen forjit dochs
wer hommels oer ’t mat kaem en him pinige oan syn djipste sieleroersels
ta. Sûnder forset ûndergyng hy ’t den wer.... wie it dochs net in
swiete pine en der blydskip middenmank, it dochs ienkear bisitten, det
lok taest to hawwen as in libbene hearlikheit, de bloei sjoen to hawwen
fen ’e roaze, al is it den mar ien moarnsskoft.... och, al is it den
mar ien ûre....

In klok sloech alve.... hy skrilde der fen en seach om him hinne. It
wie nacht waen. De moanne en hy wekken.... en dy âld strúnder skalkeage
gnyskjend nei him, frij fen minskeleed.

Der yn ’e fierte lei syn doel nou,—sei ’r nidich yn himsels. In
oaren-ien, mar ek wirdich, om derfor to skrippen en yen to warren. Rom
en eare, det wie nou de foarsje en ljeafde, och ljeafde! in
bykomstigheit. Al det âlde, foart der mei! Eltse faem hjirre woe him
wol treastje mei de ljeafste lokking fen ’e moaijste eagen, de glimkes
fen ’e jongste reade lipkes.... It geniet wie der yette, sa foldiedich
mooglik, mar lykwirdich wie ’t dochs net....

Hy sette de tosken op inoar yn forset tsjin dit âlde, det him selst
hjir, hûnderten ûren fier fen hûs, biteante en ta de tichtforsegele
doar fen syn hertehûs ynslûpte.

Der yn ’e fierte lei syn doel nou.... lei Dresden. Der scoe ’r oanslach
krije kinne, licht in postje, der scoe ’r him nei wenjen sette, de
swalker in hâld fine for de ûnrêstige foet. Ho scoene de toerren fen ’e
sted nou blinke yn ljochtmoanne waer en syn moarmeren paleizen wyt en
heech rize boppe de oare huzen, de greate wegen as sulveren linten der
allegear hinne slingerje troch ’t grien fen ’e simmerlânsdou, as
spinrêchstriedden altyd mar wer út it hiele Saksenlân op dit iene
sintrum oan, de âlde keningssted, hwer de skimme fen ’e romrike August
de Sterke by tiden nachts noch omspûke bij de Elbebrêge. Sa flustere it
ienfâldige boerefolk. In inkelden ien, dy-t mear leard hie, in mûnts út
in kleaster, in krûdsiker út ’e bosken, dy syn gûd forkofte oan ’e
aptéken derre, fortelde fen ’e wûnders dêrre, fen bearen yn in kûle, op
stedskosten forsoarge, fen doarren mei goud bislein yn ’e paleizen, fen
tarissinge om to oarlogjen en oanbod fen sielerânselers, as min
teikenje woe om ûnder tsjinst for in grou lean. Den sloech it folk in
krús, oarloch.... oarloch.... it wie in ôfgryslik spûk, min mocht it om
yens libbenswil net oproppe....

Oarloch! oarloch! hy winske it tichteby! en wie ’t net singulier, hwer
hy kaem, wie it krekt dien, ef snokte noch nei yn hwet lytse
strideraesjes.

Nimmen hie him nedich, in fêste earm, in goed swird wie altyd wolkom,
mar.... mei in folle pong derby, om sels in findel útrisse to kinnen,
oars wie der net in foaroanman’s posje to bisetten en ien boppe him, né
det dilde ’r as Fries en in Ripperda net.

Sa yn mimeraesje fortiisd, gyng ’r op bêd. Lang rôlle ’r him hinne en
wer op de hirde striesek en smiet faker as ienris it bolle dounsene
dekbêd op ’e groun, sa min koe ’r yn ’e sliep komme. In wûnderlike
onrêst pleage him en neare dreamen makken syn sliep licht en wif.—

De oare moarne, o ho ’n strieljende simmermoarn wie it! dy luftige wyn
út it Súd, ryp fen geuren as in drúftrosse oan in tinne soeijende rank,
jong fen ’e kommende simmer as in slank fanke fen fyftsjin jier! ried
’r op syn moedich hynsder det út nei Dresden. De moaije moarn makke him
it moed licht. Hwa wit, hwet lok der for him weilein wie. It is yn ’t
libben net altyd tsjinwyn, der komme ek wol dagen, as alles meiwaret.

De spylman seach him riden en joech him in seinewinsk mei. Der ried de
kening, dy-t him iten, in nij kleed en ûnderdak jown hie en hy helle de
dwarsfloite út ’e bûs en spile ta ôfskie yetteris in fleurich wyske....
Ripperda hearde it.... hy liet syn hynsder stean en wiûwde mei de hân
ta ’n ôfskie. Hwet diich him det in goed, hjir yn it frjemde lân dochs
immen to witten, dy-t him tagedien wie en goeds tawinske op reis. Hwent
och.... syn bliid sin bigoan al wer to sakjen, hy tochte om syn pong,
ienkear swier fen goudjild troch memme soarch en heite kloekens, nou
holrattelich en licht. Hja gyngen allegear diselde wei, de goudstikken,
hja waerden sulver, hja waerden koper, mar hja kamen noait werom en de
swiere pong krige sa ’n greate slappe strûp, det hy doarst der hast net
mear nei fiele. En hwet den? ja, hwet den?

    In balling zijn is heldendom,
        Of ondergang....
    En sterk is hij, die staat,
    Als zoo het lot hem slaat.

Hwa lustere him det yn ’t ear?.... Syn oanbifélingsbrieven waerden
lêzen en.... leauwd, min joech him lytse commando’s, noade him tiden
útfenhûs, joech ta syn eare en formaek fen alle moaije frouljue feesten
en gearsetten, dy-t elts for oar mear kosten as de útrissing fen in
hiele rúterbinde, der hy mear eachweiding oan ha scoe as oan alle
moaije frouljue mei-inoar. Der waerden him baentsjes taskikt, heech
bititele en rûm bileane.... mar dy-t him bûten it sintrum fen eltse
biweging hâlden.... ûnder de bileefdheit fen al dy dingen fielde hy it
geloer fen ’e oerginstigens. Hy, de frjemdling, mocht it ris fierder
bringe, as de ljue fen it lân sels en hja den in reed efterút komme.
Hja wierne op hjar openst.... alle doarren fleagen wiid-waech op for
him, mar nearne kaem hy fierder as yn ’t foarhús. Der hâldde de
frjeonskip op.... it eigenbilang kearde ’r him wol út.

Allinne de tiid yn it „Osnabrücksche” twisken al de oaren, ek
officieren lyk as hy, Oranje-trouwe earme swalkers, forbâlle fen de
eigen groun, do leefde ’r op, al wie ’t den ek mar for in setsje. Hja
wierne der mei sa ’n seishûndert officieren en sa ’n sechstsjin hûndert
man minder folk, fen it Ingelske regear sahwet út ’e fûst wei
ûnderhâlden op hoop, noch ris ta help tsjinje to kinnen for de âlde
Republyk en tsjin it Frânske gesach. Mar alles mislearre der ek al wer
en ’t einbislút wie, det Prusen se der ek net mear dilde. Dy-t woe, koe
nei Ingelân oerstekke en der tsjinst nimme yn ’t leger en dy-t det net
woe, waerde mei seis moanne soldij ôfleanne. En hy.... ek hy! rekke wer
oan ’e swalk!

Sa njonkenlytsen.... o it koste tiden fen ta-ynsicht-kommen en
mismoedigens! bigoan ’r to biseffen, ho ’n swier stik it wêze scoe,
hjir yn ’e frjemdte foet to krijen. Hwer scoe ’r keare? Fryslân sluten
for him, Ingelân net to kommen.... yn Prusen de dilde gast, yn Bohemen
hast net mear as in „avonturier” mei in folle pong, dy-t min ljeafst
safolle ôfskûrde as min mar koe en nou.... ja, hwet nou....?

Al wer in jier fen syn omswalkjen scoe yntkoart ynsette. Hwer wie dit
jier bleauwn? Wie ’t net foarbystrûze as in wyntwirre oer in wetter,
oer in wiid wetter....? Sa mimere ’r yn ’t stadichwei foartriden en
noch miende ’r it rûzjen to hearren fen ’e âlde beammen op it bolwirk
en it geklos fen ’e weagen fen ’e stedsgreft, dy reinige stoarmige
joun, dy-t allinne syn flucht biloerke mei in feale, wiffe moannesichte
yn ’t earste skynsel efter in swarte wolken wei!

Der wie net folle fen útkaem, sa ’s hy him do de takomst foarsteld hie,
Ljouwert hie oan ’t nou ta syn wrâld west, der achte en eare min him as
in jonge kening, oandien mei alle prael, hwer hy oanspraek op ha mei.
De femylje, de foarâlden, it kaptael, de hege affysjes fen syn heit, de
goederjowskens fen syn mem, de ambten fen syn sibben, al det wierne de
steunsels, hwer hy grif op bitrouwe koe, mocht ’r him al ris hwet
oerkomme fen ’t ien ef ’t oar, hwet mei jild, foarspraek ef desnoads
mei gewelt smoard wirde moast. It spriek sa fensels, hy hie der nea net
om tocht, it koe ris oars wêze op in oar plak en yn in oare forhâlding.
In minske sjocht ommers nea de dingen, sa ’s se wirklik wier binne, mar
hy sjocht se yn de forhâlding, sa ’s se ta him stiene. En it libben
sels leart op den duer wol mei pynlike prippen en rukken it heldere
sjen, it sjen fen ’e wierheit, it sjen fen yen-sels.

Ho heuchde him noch de dei to Potsdam oan it hof fen Frederik Willem de
twadde. Hie de erfprins net in dochter fen dizze kening en skripte dy
der net altyd om, hjir in wyt foetsje to hâlden? Hy wist wol, alle war
waerd dien, om de erfprins en de dochter út it hege hûs fen Prusen wer
op ’e troan to krijen, ja as ’t moast, scoene se de Stedhâlder selst
wol ôfkonfoaije doare. Mar det wierne allegear dingen, hwer hy optslach
dochs gjin baet fen ha scoe en partij stelle woe ’r him út noch yn net
optheden

Fol moed gyng hy der op ta. En do....! earst aloan it op ’e tôch
hâlden.... en einliks de tredde deis earst de ûnthjitte „audientie”,
hwer hy fen hope, dy scoe him in lyts, mar frij baentsje bringe en in
ynkommen, hwer hy fetsoenlik wei de freugden en lêsten fen ’t libben
mei bitelje koe. Hwet in sneuë reis! Net mear yn tel as de earste de
bêste „soldenier”, ûren wachtsje mei alle rosmos en bihânnele as immen
fen hjar, syn brieven smeulsk oan kant lei mei in: „Ja, det kenne wy
hjir al,” en einliks nei lang hinne en wer geriddenear, hwer hy it
gefoel by krige, as waerde der spotsk heineballe mei syn lot, de
oanbieding fen in posje fier foart yn Silezië, de wyldernis fen bosken
en marren, hwer de oeroksen noch balten.

Och, it hie him sa ’n kleinigheit koste, om it lot in priisliken
bistean ôf to twingen! as ’r him mar willich bûge wold hie nei de lumen
fen in jong-troud fromminsk, hwer ien fen de ministers heech mei wei
roan. Mar for sa ’n minne menear fen dwaen.... der skamme ’r him for!
Hok for Fries joech him ea ôf mei in troud wiif! brûkte frouljuesginst,
om foet yn ’e stiichbûgels to krijen?

En do al gaueftich waerde hy der oer.... Min bijegene him koel....
oaren, net sa fij en keken as hy, graech en bilust op ’e felle loaitsen
fen ’e swarte eagen en it profitelike baentsje der by, skouwden him
fyngnyskjend oan kant. Hy hie syn possenaesje der útspile, hy rekke op
’e eftergroun.... hy rekke yn ’t forjitboek. Hja koene ’t allegear sa
skoan sûnder him redde.... nimmen hie ferlet fen him en skoude him sa
maklik oan kant, as wie ’r in dea ding.

Do bigoan de tiid fen it moedsume, doelleaze swalkjen, fier, hiel fier,
selst nei Poalen ta, hwer ’r de tobrokkeling mei oansjen moast fen det
ienris sa machtige ryk, yn it great diselde „tragedie”, dy-t ’r yn it
lyts yn syn eigen Fryslân meimakke. Sims waerde ’r frjeonlik
biwolkomme, sims ek mei in skean each oansjoen. In spion! ja in
forklikker! hearde ’r ek al ris flusterjen en hy kaem him sels sims for
as in skouwe houn, hwer mar in hiel inkelden ien de klink fen ’e doar
for lichte scil.

Do kaem de sinneblink.... Sa ’s de simmer noch ienris giet oer it
hjerstbireinde lân, wie ek dit.

Hy hie syn winterketier opslein yn Frankfort, bigearich om tominsen de
lange winterjounen yn ’t fortier fen minsken to bliûwen en hierde in
keammerke yn ’e Pragergasse, tichte by de Römer. It wie lyts, mar
greater mocht him net barre, omt de ynstruijinkjes fen hûs, hwer
Ulrich, de jeneveroaljekoop him nou en den mei bliid makke, wierne ek
mar lyts. It hie in útbouwke, der seach min mei op ’e Römerplatz en as
’t moai waer wie, skynde de sinne der ta ’n yn op it ienfâldige húsrie
en ’e greate kachel yn ’e hoek, heech oan ’e souder ta en mei bûnte
majolicastientsjes opset. En derfoar op in âld blaufewielen kjessen lei
de moaije snikwite poeke en dy aeide flaeikjend om him hinne, as ’r him
nei sitten joech. Den naem ’r de guit, sprong yn ’e snûrje wei op syn
knibbel en nussele him ticht tsjin him oan yn ’e waerme jas.

Der yn det greate Frankfort learde ’r helden fen ’e geest kennen,
greater as ea de helden fen it swird mar wêze kind ha, der waerde ’r
bean by de femylje ’s to gast, gol en frjeonlik bihânnele as in bern
fen ’t hûs. Der spilen en songen se, hy sims op in âld fioele, liend
fen in frjeon en dânsen de menuet, steatlik en wol as by syn âlden thús
en ’e fine klankjes fen ’t clave-cimbel rinkelen as skeltsjes yn ’t
greate, hege seal, wher jeugd, leardens en fleurigens inoar sa moeten.
As ’r in goed sin hie.... en honear hie ’r yn dy dagen in min sin!....
den droech ’r sims in moai fers foar fen in nije greate dichter, Goethe
hjitte de man en as ’r den letter sims op ’e striette de âlde blaulakte
koets oankommen seach fen „die Frau Rat” dy dichter syn mem, den groete
’r al op fjouwer pas distânzje mei in djippe „reverence” en tocht om
syn eigen mem.

De winter kaem det jier betiid. Op in joun yn Slachtmoanne draeide de
wynwizer op ’e toer fen ’t Westen troch ’t Noarden nei ’t Easten en de
oare middeis gyng de sinne doddich biskûl yn in nêst fen sniewolkens.
De loft biroan en om trijen hinne foelen de earste flokjes op ’e
Römerplatz. De swingel fen ’e greate pomp hinge slap del, hwent nimmen
kaem mear bûtedoar, nou de winterjoun sa kâld en onlijich it biwâld oer
de sted naem en op ’e puntige gevels, op de reade pannen en de spitsen
fen ’e toerren bigoan stadichoan in biwyske fen wyt to skimerjen. Ho
seach ’r it allegearre noch, sa klear, sa klear, as wie it jister bard!

De postilions wierne der oankaem mei de fjouwerspannen by de smid en
lieten de hynsders op ’t skerp sette. Strak ansens scoe de postwein
komme fen ’t Suden, de greate route fen München op Frankfort. Den wie
’t hjir ien amerij alles libben en fortier, frjeonen en kinders
bigroeten inoar, guont kamen for freugde, guont for leed, tynge fen
fier wei lei forside yn ’e greate sekken fen ’e byweinen. Hy hie der
altyd in wakkeren aerdigheit oan en hope, as Ulrich der ek ris wer út
komme scoe op reis nei Fryslân ta.

Sa hie ’t ek dizze dei west, dy-t mei in great read letter yn syn
ûnthâld to boek stie as ien fen syn moaijste libbensdagen. Hwerom moast
’r nou krekt hjir wer sa om tinke, dizze simmermoarn op reis nei
Dresden ta, nou de fûgels om him hinne jubelen, elts blomke op syn lyts
simmerouterke rynsk de swietrook joech en de sinne op hjar keninklike
troan bliere, waerme loaitsen sinke liet yn ’e delte? Ja hwerom?

Hy liet him fen ’t hynsder ôfglide en togearre sochten se it skaed fen
’e hege beammen. Wer bispoanen de sulveren triedden fen loksillige
mimerij syn tinzen yn swiete tsjoen. It liet him net los....

Hy seach de snie noch ris wer waeijen oer dy stille Römerplatz dy
middeis, de grouwe kâlde loft der boppe en de jonge op ’e útkyk foar ’t
weardshús „de Post”. Der ynienen, eart de jonge warskôgje koe, protte
de wein ta ien fen ’e smelle strietsjes út mei in lûd getoeter fen ’e
postilion. Alles rekke op iene ein, it weardshús wie yn in omsjoch
leech en it plein fol. It wie de wichtigste ûre fen de hiele dei, selst
for it greate Frankfort, dit kommen fen ’e postwein, de skeakel fen Súd
nei Noard, fen wrâld nei wrâld en folk nei folk. Hy hie noch efkes foar
’t finster stien en scoe der krekt wei en jowe him wer oan syn
skriûwerij, do seach ’r hwet, det al syn plannen sa mar foart ynienen
fordiggele.

As ien fen de alderlêsten kaem der in âld man ta de koets út, klaeid,
né biwoelle yn in greate mantel, ôfset mei brede streken sabelbûnt. De
kappe fen ’e mantel siet him wit ho fier oer ’e earen, it antlit kaem
der wyt en smel út. En det seach min net foarby. Ek hy, de stille
skôger foar ’t finster net. Det wie in man fen gesach, dy der yn ’e
fierte, det fielde ’r as by ynjowing. De menear fen syn oarderjaen oan
’e feint neist him, de taest nei de pong om in dofke for de foerman, it
bifeeljende sjen nei syn bulte „bagage” boppe op ’e bywein en it
krûperich dwaen fen de hospes út „de Post”, dy-t ho langer ho lytser
waerd fen onderdanigheit, hy formakke him ta de teannen út der foar ’t
finster.

Strang en great stie d’âld man yn syn pels foar it portier fen ’e
postkoets, al de oaren der onderdanich omhinne. De koets draeide, de
tré fen it oare portier kaem del. Der waeiden hwet flokjes snie op de
fewielene kjessens. Hy seach se nou noch....

Do kaem der in kopke ta de koets út en in hantsje, heal bistoppe yn in
greate ottermof en it oare hantsje, steunder siikjend oan ’t hâldfêst
by ’t portier en einliks! einliks! yn lytse sierlike blauferwielen
skoentsjes in pear foetsjes op ’e bimoddere tré fen ’e koets.... nou,
suver om to stellen. Do stapte d’âld man nei foaren en holp se der út.
Ien amerij seach ’r hwet fen ’t antlit, donkere eagen en in streekje
fen it swarte hier. Ho forginde ’r dy âld man syn great lok! do dy hiel
deagewoan it teare persoantsje opkrige en sa mar oer ’e striette droech
nei in oare koets, krekt de hoeke omkaem, fjouwer bêste dravers der
foar en blinkend fen forguld en spegelglês. Hy koe dy âld man wol
forgrieme op dit stuit, sa ’n ljeave lêst paste ommers net yn sokke
earms! mar hy markbite op ’t selde stuit, grif wie ’t in heit ef omke.
Sá draecht nin feint syn faem.

Eart de hynsders ek mar oansette koene en de koets weiwirde yn
Frankforts strietten, hie ’r de mantel al omslein en wâdde troch de
snie, om neifraech to dwaen. In ûre letter wist ’r alles, selst it hûs,
det hjar bimûrre en hy fielde de swiete pine fen in frjemde pylk yn syn
hert, krekt op it aldertearste steed....

De hiele winter hie do mar ien namme syn dwaen en litten bihearske, ja
syn libben. Angelica Lotarini! Wie ’t net as in strieling fen de
Sudewyn sels for him, de earme kâlde soan fen it Noarden, dizze ljeafde
for in faem, yn hwaens ieren it bloed streame fen it sinnelân en hwaens
widze roeike hie yn Florence? En syn hert tilde op fen blydskip, do-t
’r hearde, hja bleau de hiele winter útfenhûs by hjar omke, om de
freugden fen ’e jeugd to genieten en him hwet ta selskip to wêzen, de
iensume widner.

O dy winter fol jubel! dy hearlike jounen fen sang en dâns, alle
ljochten op en alle herten licht! dy inkelde amerijkes mei hjar
allinne! ja selst yn it gean nei hjar hûs en it falle litten fen ’e
klopper op ’e doar wie al in oerstjelping fen lok....

Al koe ’r den as gast fen hjar omke mar in wirdmennich mei hjar
wikselje en mar komselden noegje ta steatlike dâns, it sjen wie altyd
frij en syn eagen wykten tomûk net fen hjar wegen, as se sittende wei
alles regele ef yn al de graesje en ljeaflikens fen hjar súdliker ras
twisken hjar omke gasten omgyng, in frjemde moaije blom yn hjar
djip-feletten kleed en de greate bellen fen smaragden en pearels
flonkerjend tsjin de sinnebrune lange hals. Hja wie in fromminsk! en
hja forstie de tael fen syn eagen dúdlikernôch....

Hja moeten inoar oeral, hwer min inoar mar moete koe yn ’t rountsje,
hwer hja allebeide ta hearden. Swieter noch as in mangelblom hjar
útkommen fen it knopke wie de groei fen dizze ljeafde, seldsum en
frjemd, hwent winter en simmer sochten mienskip en de bigearte droech
út de kosmos dizze sielen nei inoar ta en ginde se, yn ’e extase fen
ljeafde to libjen.

Der wie mear skied as fen lânaerd allinne, hie ’r do sims wol
suchtsjend tocht, as it forstân yetteris wer for in koarte tiid syn
ljeafde oermans waerde. Hwet hie hy oan to bieden, de frjemdling sûnder
thús? It wie net mear de greatmachtige hear Ryklef Ripperda, ritmaster
yn Syn Heechheits liifregiment, de gesiene regintesoan fen Ljouwert, de
ealman fen sechtsjin ketieren en in folle pong en in namme, dy-t klonk
as in klok yn Eastergea, Westergea en ’e Saunwâlden.... It wie nou in
lyts man, forjage fen syn erf, sûnder posysje, neat oars oan to bringen
as syn jeugd en syn moed, hwer nimmen ek mar ien reade duit for joech.
En dochs.... ûnder alle fordrukking wei, tsjin alle forstân yn gyng syn
ljeafde hjar gong. Hy woe net.... en smeulsk hie ’r om syn ljeafde for
Anne tocht. Hy woe him net wer barne oan det fjûr. En dochs.... ho
machteleas stie hy as minske ek al wer tsjin ’t lot!

Der kaem in tiid, det hy him net mear forsette en syn earm, forbittere,
iensum herte frij joech ta alderswietst hope en bigear. Hy waerde in
frjeon fen ’t hûs by „Herr Lotarini”, hy skaekte mei him en holp him ta
syn saken en kaem sa yn ’e kinde mei alle great-mannen fen Frankfort’s
hânnel, hast in wrâldhânnel. En de kâns kearde....

Sa maklik as in plûm op ’e wyn droegen wirdt, waeide him nou sa mar in
baentsje oan as commandant fen in findel ruterij, det de stêd Frankfort
de kening taskikke scoe. Hy krige alhiel frije hân yn alles, „op jild
waerde net sjoen, as it mar it bêste fen it bêste waerde”, sei Herr
Lotarini.

En it waerde it bêste, der stie hy boarch for. Mei syn selstbitrouwen
groeide ek syn ljeafde skoatich as in jonge beam, swier fen biblossomme
tokken oan in wiidstreamend wetter. En ienkear op in joune, do hie hy
it sizze moatten, hwet der yn syn herte song. It kaem sa mar
ynienen.... och hy wist sels net mear, ho-t it sa kaem wie. Hy hie
ommers swije wold, altyd swije en dochs sei ’r it, dy joune....

De skimer fen ’e winterjoun wie der bûtedoar en it wiffe ljocht fen in
stikmennich kjersen yn ’e stille keamer en hja sieten togearre foar ’t
fjûr. „Moat det sa fierder twisken ús, Angelica?” hie hy sêft sei. Ek
neat mear, hwent pratende wei bisefte ’r, ho de bea fen syn eagen ’t
hjar noch wol better fortolkje koe as wirden, ho nei se him oan ’t
herte lei.

Hja hie net andere en stadich wie hjar holtsje foardel sakke. Der foel
in trien op hjar hân. En hja wiisde nei in ring oan hjar finger. „Is it
det, hwet ús skaet, myn ljeafste?” hie hy frege. En hja nikte. It
fonnis foel.

De oare deis kaem de forwachte brief. Angelica Lotarini wie troud,
sûnder det immen yn Frankfort it wiste, skreau hjar omke, mar hjar man
wie siik en scoe wol noait wer better wirde. It moide him om syn earm
bern en it moide him ek om de omkesizzer, as hy him ienkear sa neame
mocht.

Hy hie de tsjilk wer oan de lippen set en de alsem dronken. De moaije
dream forfleach.... hy seach it libben wer yn syn skier, deisk habyt.

En gyng.... Frjemde wegen wierne it wer, wylder as ea tofoaren, de
kanker fen in wyld forlangst yn ’t moed, it pongkje slap en de haet
tsjin it Frânske gesach, det him sinke litten hie ta dizze steat,
greater as ea. Djip Bohemen wie ’r dizze simmer yntein om to forjitten
en nou, hwet macht loek him wer westeliker, nei Dresden, nei syn frjeon
greve fen Saijn? Hy makke himsels wys, it wie om neat oars as to sjen,
ef der ek brieven fen hûs wêze koene ef licht Ulrich de
jeneveroaljekoop sels.

Twaris jiers diich dy in trochtocht en reisge ek yn ’e Fryske
contreinen, ornaris om Juli hinne en den yetteris yn Novimber, as de
earste sniebuien him warskôgen, de winter wie op kommenswei. Den naem
’r de postwein op Swol en geandefoet nei Apeldoarn gyng ’t, hwer ’r
wachte op ’e greate Hessenweinen fen Amsterdam nei Keulen. It riden hie
’r altyd om ’e nocht en ’e kost roan ’r altyd wol op troch ’t
forkeapjen fen syn medicaminten en ’e echte Keulse lodderein en
snúfdoazkesponskes. En derby, hy naem hiel hwet mear brieven mei as oan
him allinne. De Oranjepartij syn oanhangers brûkten him allegear en de
wichtigste stikken en brieven hie hy, de swerver yn ’e dûbbelde boom
fen syn âld kastje en twisken de foerring fen de boppestikken fen syn
greate learzens. En soks lei him ek gjin wynaeijen.—

Sa yn syn mimer wei, mirk Ryklef Ripperda der neat fen, ho-t de felle
hjittens fen ’e middei al foarby wie en der in frisse wyn bigoan to
waeijen. Hy siet noch altyd op itselde plak en hie syn moed net. Krekt
as hinge der in tsjustere wolken oer alles, en scoe der noait wer
útkomst wêze.

Mar mei in sprong fleach ’r ynienen oerein: né sa woe ’r noch net, hwa
wit, hokker moaije tynge der net for him lei to Dresden! En op syn
kostlik optúchd hynsder ried ’r wer fierder, de readfewielene
rutermantel skitterjend fen goud en dy him seagen, tochten, it moast
grif de kening sels wêze en niichden oan ’e groun ta en forginden him
syn jonkheit en hege steat.... Och, as se ris heal wisten, ho biswierd
syn herte wie, ho earm oan inerlike greate freugden syn bistean....
ho-t yn him twa sterke machten al mar fochten, de iene, de jonkheit en
hjar hjitte bloed, de hertstocht him nei wegen lokken, hwer it swier en
sounich gean is en de oare, ek in erfskip fen rigen fen syn foarsaten,
him laette nei in stil bidriûw, in nolk thús, wiif en bern, as ’t koe
yn d’ âlde lânsdouwe, binypt en lyts yn syn marren en wetters
bisletten, hwer it greate wrâldbidriûw klonk as de rûzing fen in fiere
stoarm, mar dochs syn heitelân.

Dizze hiele reis, nou al trije dagen lang, stie ’r einliks aloan-wei yn
bistân, hwet scoe ’r? hokker kant út? Wer Easteliker gean.... him op
gelyk ef ongelyk jaen yn ’t iene ef oare kriichsbidriûw, hwer ’r al de
wylde freugden fen syn sinnen yn útlibje koe mei yn d’ ein miskien in
ûndergong troch in skot ef in forfjurre woune yn it frjemde lân. In
libben.... efkes as in meteoor.... in skittering for himsels, in tel
fen ’e felste gloarje ef in stil libben, sober stikje brea yn stadiger
rin fen dagen en in ein yn frede op in stille stins.

Ien amerij.... scoe ’r noch werom gean en al it âlde farre litte? As ’r
him heal omdraeide yn ’t seal, seach ’r noch de flaue ôfskynsels fen ’e
bergen fen Bohemen blauwjen oan ’e loftein en as in njuentsjend
ljeafdeliet oer de hjitte maïsfjilden kaem noch ris ienkear wer de
forlokkinge....

Hy skoarre him.... mei in ruk siet ’r rjucht yn ’t seal en loek de
jageline stiver oan. Der gyngen de bergen.... wykten al mar fierder
tobek en o hy fielde it.... hy scoe se noait wer sjen. Hy hearde by de
lege lânnen, de kalme, stille wetters, de minsken, dy-t net wykten
rjuchts ôf—noch lofts ôf, dy sterk stiene yn ’e eigenfêstens fen ’t
soun karakter en opfettings en selst, as se de oantriûw fen it jonge
bloed folgen, it nea diene op in wize, det ’r nei de freugde fen it
geniet de biskamsumens oer in gemiene died it read hjar nei de wangen
jage.

It hynsder drafke fleurich, de fine kop nei ’t Westen ta. Der lei
Potsdam.... der lei Fryslân, o ho fier.... ho fier noch! En der wie ’r
dochs mei sokke taeie bânnen oan biknotte.... hiel wûnderlik kaem ’t
him ynienen foar ’e geest, ho-t ’r as in jonge to silen west hie mei
syn maten nei de greate Wielen ta en it do krekt sok waer west hie as
nou hjoed, in hjitte foardei, blokstil en op ’e neidei dy hearlike
frisse koelte. Hwerom nou krekt dit fredige, ljeaflike byld en noait
ris dy freeslike amerij, hwaens mark for altyd yn syn siele grifke wie,
do-t hy yn heftich forset tsjin ’e omkear der dingen syn sabel tobriek
foar de eagen fen it forbaesde folk op it Hofplein? dy sabel, wijd ta
de tsjinst fen syn Oranje’s en noait misbrûkt? Hwerom dit noait? en o!
it hie dochs sa ’n stap west!

De Elbe wie nou fierder ôf.... toside fen ’e wei spjalte ynienen in
moaije loane fen âlde linebeammen, fol yn bloei, it nuddelige grien fen
’e spjirrebosken en roan sa ’s it like der fier yn op, ont min
hielendal op de ein in wyt, great slot skimerjen seach, suver as in
mearkehûs yn in minske-forlitten wrâld.

It joune hird yn ’t skaed fen al dit beamte en wylt ’r syn eachweiding
hie oan de skiente om him hinne en stapfoets de loane opried, bigoanen
stadich d’iene nei d’oare alle finsters fen it slot ljocht to wirden en
it reine, djippe lûd fen in cello song yn dizze stiltme fen simmer en
geur al ’s minsken greate freugd en smerte út.... Him, de swerver....
ta in wolkom....

Hjir wie nou for earst de ein fen ’e reis. Hjir wie in thús, leine wis
wol brieven út it heitelân, dy-t him wer in amerij mennich Ljouwter
bern meitsje scoene yn ’t âlde, ljeave Ljouwter hûs. Moannenlang wie
syn siele net fen ljeafliks roerd, rouwe klanken koe se allinne,—de
lêste skreau fen in fordwaelde binde, oerfallen yn in piktsjustere
maitiidsnacht,—it gewrinsk fen earme hynsders om ’e griene igge, der se
wraemjende en sparteljende al mar fierder ôfrekken, om einliks to
fordrinken yn ’e stream,—it to pletter riden fen kenonnen tsjin in
sterke bergstelling, dy-t bigoan to biwegen en foel op in kloftsje
jonge, sterke, soune minsken, yn in tel twa neat oars mear as hwet
bloeddrich fleis,—de oerwinningsrop fen in hiel regiment, as it oer de
liken hinne fen syn lânsljue in nije stelling naem om in ûre letter
sels as lyk fortrape to wirden—it wierne de freugden en de lûden, hwer
’r fen dreamd hie as jonge, by en hwennear ’r de groeden seach yn ’t
antlit fen paken en fiere oerpaken, deftich útskildere mei de hân oan
’t hâldfêst fen de houwdegen ef sims op ’e eftergroun it admiraelskip
fen de Ruijter ef de toer fen in frjemdlânske sted, der se miskien foar
lei hiene yn in moannelange bilegering en optlêst ynnaem.

En nou.... al det hie syn tsjoen forlern, omt hy hie ’t nou sjoen mei
eigen eagen.... en oars. Optheden hie ’r in wjeraks yn alles, hwet rou
en wreed wie, selst de felle lûden hinderen him, it wyld gesjong en
gegalm fen it folk jouns om it wachtfjûr, de fyngnyskjende spot, it
skeinjende gemiene praet fen syn eigen maten oer forhoalene
frouljuesmoaijens it geknetter fen ’t stellene hout gemiene sangkjes
fen ’e marketinsters, wylt se dwaende wierne om jenever to taepjen en
’e manljue boarnden, krekt sa lang, det se der stoarreljend by
delfoelen, net minklik mear.... Ho fredich, ho suver like him nou ’t
libben ta yn dit âld slot! Mar moast min earst net âld wêze, om yen to
sa ’n steat bijaen to kinnen? For greve fen Sayn en heit joech it pas,
mar hy, ocht optheden wie ’r alles wars en dochs fielde ’r it
jimmeroan, it forlangst wie der noch.... forlangst nei nij aventúr, wer
lokking nei frjemde en oare dingen.

De swiere ketlings fan in falbrêge rattelen, in doffe plomp, de brêge
lei flak. Foarsichtich sette syn hynsder de poat der op, de earen kamen
spits op ’e kop en hy wrinske bliid tsjin in maet op ’e stal. Roek it
dier selst it nochlike honk, wist ’r ek noch fen de golle gastfrijens
fen dizze hird, wiid en siid forneamd yn ’t hiele Saksenlân en selst
fier oer syn grinzen?

Gjin ûre letter siet ’r yn in hearlik koele keamer, syn skatten om him
hinne. It wierne mar fiif, mar o ho dierber wierne him dizze fodsjes
pompier, tichtplakt en segele fen hânnen, altyd warber ta syn bêst en
hwer de eagen oer gien wierne fen de trije op ierde, dy-t hy ljeaf hie
mei hert en siele: mem en heit en Doedte, lytse bloune poppe fen syn
hert.

Hy snie de earste foarsichtich op. Waeide der net in sigentsje fen it
heitelân ta ’n út? It wie heites: de stive, steile letters fen ’e âld
rutersman drafken spitsich fen hoek de igale streken fen ’t pompier
lâns. Heite hân! in stikje fen heite wêzen, ien tel de waerme tik fen
it ljeavjende hert efter de mûrre fen deistige koelens en ynfierenheit!

Hy skreau, det ’r dizze Ulrich meijown hie, dy-t wol soarchje scoe, him
op de iene ef oare menear to plak to krijen. En ho de Frânsken yn
Ljouwert hjar nei húzjen setten en ’t nou fol siet fen sok onrân as in
nêst hoannebijen. En ho-t hy sa knevele waerd yn ’e bilêsting, det ’r
de stâl hynsders al forkeapje moatten hie en allinne de âld skimmel
noch hie en ’e fosmerje en dy scoe ’r nea forkeapje, dy scoe by hjar
stjerre. Ryklef wist wol hokker.... o as ’r it ek noch wist! dy joune,
dy nacht! En fen ’t oproer yn Optwizel skreau ’r en fen Wibe Lubberts
en syn ellinde.... Hy hie ’r ek in fear by sitte litten, der hie in kou
om foart moatten, oars koe hy syn part ta it losjild net by inoar
krije. En mei blydskip hie hy ’t dien. It hie ek sa spand om Wibe
Lubberts giseling en brânmark to bisparjen, hwent det wie nou skearing
en ynslach. Hja rieden de Oranjeljue nei, krekt as ’t gjin minsken mear
wierne en Wibe Lubberts hie tofolle rike en oansjenlike frjeonen hawn,
dy-t it mindere folk, nou op ’t stoeltsje, dochs noch net oandoarste,
mar oars.... it hie him syn holle kostje kind.

Der skeat Ryklef Ripperda in stik yn ’e kiel, do-t hy dit lies. Hy
seach der dy húshâlding, de lytse bern om mem hinne as de pykjes om d’
âld klok en heit.... ja hwer wie heit? en mei triljende hânnen, it
hiele hert yn opstân, lies hy fierder: ho-t it losjild der by stikjes
en bytsjes kaem wie en as yn triomf it lêste nijs: ho de frijheitsbeam
fornield wie der yn itselde Optwizel in nacht ef hwet foardet Wibe
Lubberts wer thúskaem wie. Hwa ’t dochs dy beam omhouwd hie, heit scoe
’t nea sizze, mar Ryklef koe ’t wol tinke.

As syn Fryslân noch sokke mannen hie, den scoe ’t nea forlern gean. Hja
stiene as in rotsene skoeijing, al scoene der ek hege séën oer hjar
hinnegean, de Heare scoe hjar stypje yn al hjar need en ienkear alles
bringe ta in goed ein....

En hy lies fen Wolmoet.... en ’t gyng as in maitiidstwirke oer syn
hert, swiet en geurich. Lytse Wolmoet der yn ’t stille Bouwekleaster,
dy ’t wegerje doarst ûnder alle twang en moed foun, om Frankryk to
húnjen yn ’e persoan fen monsieur Dompierre. Hwet hie ’r wol net jaen
wold, om det sjen kind to hawwen! Ho heech hâldde ’r as man
frouljuesmoed en frouljueskekenens, wol guont fen ’e bigearlikste
frouljuesegenskippen, as de ûndertoan fen it herte dochs wer sêftens
wie!

En do lies ’r it briefke fen Mem. Hja skreau net folle, ien bledkantsje
fol, mar sa ’s allinne in mem skriûwe kin.... It trof in tear steedtsje
yn syn hert.... ynienen waerde ’r weak.... syn eagen wiet. De bigearte
kaem, om se wer to sjen, hjar âlde ljeave wêzen yetteris goed yn him op
to nimmen, as in skilder elts tearke, elts skerpkantsje fen hjar âlde
blankfellich antlit to biäeijkjen, de loaits fol ljeafde en ’t herte
fol tankberheit en hy bistoarre skoften lang it útknipsel, fen Elske
Baerdt útknipt for him dy freeslike joun fen syn flucht.

It dûrre in set, eart hy der ta komme koe, ek de oare brieven to lêzen.
Ien wie der by fen fen Asbeck út Ingelân, hy skreau, hy hie der in
fêste oanstelling krige yn it Ingelske leger troch foarspraek fen ’e
Prins en hy lies it mei hwette as spyt, tinkjend om syn eigen
swalkerslibben, gjin oare wissichheit om op to bouwen as syn jeugd en
sterke earm, beide rykdommen, fen ien kûgel to fornietigjen.—

Nou leine der noch twa. Hast onwillich wei biseach hy se. De greate
moaije letters fen it iene slûfke liken wol printe, sa moai wierne se
skreauwn en it pompier, fen ’t fynste felijn wie ’t en sluten mei ien
great skarlakenread lak en der in frjemd wapenstimpel yn. Hy wist sels
net, ho-t it wie, krekt as seach hy der tsjin oan, om dizze brief op to
dwaen en syn boadskip to fornimmen. En sadwaende taeste hy nei it
twadde brief, ek moai fen opsierde letters, wakker mei krollen en
babbelegûchjes om ’e bigjinletters, mar och, hwet eage it allegear
oars—hast earmoedich en ’t pompier fielde suver as goezzebriefspompier.
Ien hael fen ’e skerpe knyft.... in lyts bitûmke briefke foel der út en
der mar in wird-mennich op en ûnderoan de nammen fen hjar, dy-t hjir de
hân for set hiene en it dos bikreftigen mei hjar namme. O dy dierbere
nammen út it heitelân: Foppe Lieûwes syn kreftich gestreek en gehael,
Bindert Japiks fen Bouwekleaster de namme, as wie ’r mei in fine
etsnuddel teikene, Wibe Lubberts syn fjouwerkante greate letters, gjin
stoarrel der yn, gjin streekje tofolle, gjin stipke to min, Joege Innes
fen Boerum, in krúske, hwent hy koe min skriûwe, wist Ripperda wol en
ûnderoan de sierlike hael en streekskriûwer fen ’t adres, master Marten
Joukes, skoalmaster en doarpsrjuchter fen Driesum.

Hiel it Fryske lân, hiel it Oranjefolk libbe op dit stuit foar syn
eagen! En hy lies! en lies! Ho kenber makken se yn in wirdmennich dit
hjar bigear: om in foarman ha to wollen, om noch ris to sjen, as de
kâns ek keare koe ten gunsten fen Oranjen en de frjemde oerhearskers
fen ’t steed to reagjen. En hja fregen út namme fen tûzenen, yette
Oranje tagedien en God en wet stellende boppe alle rede. De sintsjes
fen master Marten Joukes wierne koart, mar treflik. Hja rekken doel. En
singulier, al ho-t Ripperda him der ek oer bisoude, dizze oprop to
krijen, dochs wie ’t krekt, as hie hy-t foarfield: sa moast dit komme,
sa en net oars. Derom dizze oantrún nei hûs, derom al dy mislearring yn
’e frjemdte, net it dûrjende plak for it holle fen ’e foet.... hy hie
him net nei wenjen sette mocht, hy moast werom.

En wûnderlik to moed snie hy de oare brief op. Dy droech mar ien
ûnderteikening, great en steil en deftich fen Archibald Eric Porter en
wie skreauwn yn ’e sted fen Harns yn it hûs, der „De Spuitende
Wallevis” úthinget, krekt seis wike lyn en minhear Porter joech út
namme fen syn Souverein, de kening fen Ingelân to witten, det it ek mei
’t wolnimmen fen Syn Majesteit wêze scoe, as de jonker Ryklef Ripperda
him oan ’t haed stelle woe fen de Oranjepartij yn ’e Fryske lânnen. In
goede foarrie fen wapens wie der al, as ’t moast, scoe der ek noch hwet
jild oan skanseare wirde kinne, mar det koe net safolle wêze.

De beide brieven sloegen op inoar.... d’iene wist fen d’oare. Hy wist
al lang, de eersame en de erentfeste traensieder yn „De Spuitende
Wallevis” to Harns, Arjen Poárt, sa ’s it folk him golwei neamde, sear
noch hiele oare specie yn syn tsjettels as hwet levertraen for de
klierige en tsjalskonkerige bern, dy-t yn ’t lijen sieten, sims
rattelen se fen krûd en kûgels en ’e greate kistfollen alún, dy-t hy
oankrige for syn affearen, sa’s it hjitte, wierne ornaris neat oars as
folpropt mei gewearen, pistollen, bajonetten en lead for kûgels.

Ingelân woe dochs helpe, om Oranje in lêste kâns to jaen. Ripperda
bisefte it, dit wie in help, hwer gjin oaren ien it by helle. It
machtige Ingelân, ryk, ien fen de alderforneamste greatmachten yn
Europa, sette ’r syn skouders ûnder, nidich as ’r wie, det Prusen wol
de soan fen Stedhâlder Willem de Fyftde, mar himsels net wer oan ’t
regear winske. Greve fen Saijn hie him ’t yn in wirdmennich al útlein,
dit scoe forkeard jern spinne twisken Ingelân en Prusen op den duer,
tomear omt de erfprins nou al sont tiiden tahâlde yn Berlyn en tige fen
Ingelân bigoan to forfrjemdzjen. En derom dizze lêste greate troef!
derom it brief fen Porter!

Syn kâns! Ien fen ’e greate setten fen it lot op it skaekboerd ek fen
syn libben. De tiid fen ’e died kaem oan.... de fruchten bigoanen hjar
to setten ta de rispinge, dy-t ienris de resultante útmeitsje scoe fen
dit syn libben for de wrâld nei him. Alle oardiel is ommers oan de tiid
en dy syn souwe skiftet nau....

Hy koe him net mear bidimme.... hy fleach oerein en roan mei lange
stappen de keamer op en del.... It krige sa ’n fat op him, der wie gjin
ûntkommen mear oan. Scoe ’t sa foarbiskikt wêze, wie hy der ta
útornearre om syn Fryslân to helpen yn ’e need, nou ’t det earme folk,
de deadsklam yn ’e kiel, net iens mear de kreft hie, om syn ellinde
útskreauwe to kinnen tsjin in mûchlike helper? Ho-t de gefolgen den ek
wêze mochten, hy woe werom nei Fryslân ta en hy tantte alles, hwet him
yn ’e wei stean doarst. As ’t moast, joech hy syn libben for de saek en
de blydskip fen dizze oertsjûging makke him it hert rûm en ’t moed
licht.

En sa kaem it, det Ryklef Ripperda in brief skreau oan syn âlden, hwer
net folle nijs yn stie, mar Ulrich de jeneveroaljekoop in wykmennich
letter in boadskip meijoech, hwer hja by hjar thuses raer fen opharken,
alhowol se hjar fen blydskip hast gjin ried wisten en Archibald Eric
Porter, do-t hy ek in soksoartige tynge krige, it nedich foun, om neat
oars as it onnoazele wirdtsje „Yes”, nei Hampton Court oer to
briefkjen.

Mefrou Ripperda helle it almenak foar ’t ljocht en streke mei
readkrytstreken de Sneinen oan, dy-t noch forrinne moasten, eart de
moanne „wer fyfteris roun wie”, sa’s Ulrich sei op syn heimsinnige
menear. ’t Scoe den likernôch mids Novimber wêze, licht wol mistich ef
froastich. Prate min ornaris net fen in Sinte Martinus winter? Hja
siddere nou al om de gefaerlike reis, dy-t ûndernaem wirde scoe, om
„thús” to sjen en den as ’t koe, nei Ingelân to kommen. Allinne
Regnerus en hja wisten der fen, ho ’t einliks krekt de foarke yn ’e
stôk siet, hwet de inerlikste driûw wie ta dizze reis. Hwerom it Doedte
en de oaren to fortellen? It bêst biwarre geheim is ommers it
ienlinggeheim en net folle gewach fen in saek meitsje, jowt better
útkomsten as der in bulte oaren yn to biheljen. En hja telde de ûren,
hja telde de dagen.... ho smachte it memmeherte nei de komste fen hjar
bern! Waerde it net swypke yn dizze dagen twisken freze en freugde
hinne en wer as in boatsje nei twa oeren op ien sterke stream....

De swarte reinbuien kamen opsetten út it Noard-Westen en teisteren de
hege beammen yn ’t tún, de hirde wyn plôke se sa keal, det se der
rillerich en earm foarstiene as hinnen yn ’t forfearjen. Al koarter en
koarter diich de sinne hjar ommegong, de moarnen wierne dauwich en de
jounen kâld. Hja hellen de skoudermantels út ’e kast en de greate
wollene châles, dy-t nei múskes roeken en lavendel. En jouns blies de
wyn sa earmoedich om ’t hûs, krekt as gûlde der in lyts bern. Den
skerpe se de âlde earen op en lei it breidzjen del.... kaem der immen
de gong lâns? Kaem hjar jonge, hjar moaije greate jonge mei syn
laeitsjende brune eagen en syn swiere stap der oan, ta de doar yn, om
syn âlde mem op dizze joun—krekt sa ’n ien as ’r gien wie!—bliid to
meitsjen?

Mar de joun gyng sa stil syn gong.... de azem fen ’e jeugd wie der noch
net yn ’e brede, âlde gongen en hja hearde neat oars mear as it
smûchjende sykheljen fen hjar man, hwette nearboarstich fenwegen it
rikkerige fjûr, hwer de wynhoun by lei to sliepen, it ranke ljochte
liif op in roungear lyts protsje en sims yn felle dream fen jachtgeniet
efkes lûd jankjend yn ’e dod....

En as de forlangsten fen âlde minsken heftich bigjinne to wirden, binn’
se den net as de swiere tôgen fen ’e piid yn in âld lampe, der net
folle oalje mear yn is? Al heger en heger barnt hja en jowt in ljocht,
sa ’s nea tofoaren. Hja jowt boppe hjar kreft.... hja fitert d’ âld
piid syn lêste kreft der út, dy-t oars by stadiger brân noch dagen mei
kind hie.

Regnerus Ripperda krige in stek yn syn hert: waerd’ syn wiif minder?
bijoech der him hwet? En hy ûnderstie der doctor Falentijn tomûk oer.
Dy kaem op in nei-dei, wylt hja allegear noch ris yn ’t simmerhúske yn
’t tún sieten to thédrinken. It wie al October, mar ho soel en moai wie
’t noch! De loft skjinfage fen wolkens, de sinne klear en ljeaflik oan
it teare blau, jouns fen in fine mist omnevele en fen tûzenen o sokke
kleare stjerren bisprinkele.

Der bloeiden noch stokroazen by de paedtsjes lâns, de spintsjes roanen
op hjar sulveren triedtsjebrêgen twisken de bledtsjes en ien kaem op in
hiel fyn triedtsje op Falentijn syn jasmouwe oanwaeijen. Hy biseach him
en liet him rinne op syn brune hân. Do sette ’r him hoeden op in
letbloeiende roas.... It gyng allegear yn ’e stúdzje wei, hwent syn
eagen, syn tinzen, o syn hiele siele wie by Doedte Ripperda.... Hy kaem
jerne en hy kaem faken.... it wie net om mefrou Ripperda, glimke ’r
frjeonlik.... dy koe noch jierren mei, as hja hjar towacht naem, mar
der loek him in hiele oare seilstien en op in joune lei hy hjar syn
heimnis bleat. Minskekenner, as hy wie, biflapte hy sa twa profitelike
dingen yn ien klap: hy joech hjar yette in oar punt om hjar tinsen by
to bipalen en hjar de lange tiid fen it wachtsjen to forswietsjen, mar
meast noch diich hy ’t om de frijichheit to krijen, Doedte ek ris oars
to sjen as op jounpretten en feesterij.

Der hat gjin minske ea lokkiger west as hy yn dizze dagen fen
foarfreugde. Stie ’r net yn ’e poarte fen in nij, frjemd lân? bigoan
der net stil-wei it lok to bloeijen, syn lok! ja syn ienichst lok! De
measte patty binn’ syn wegen ek wol ris gien.... wie net it earste sjen
it moaijste, moaijer selst noch as it nimmen en habben yn eindom? De
died is ommers de skeinende dead fen selst de aldermoaijste dream....

Mefrou Ripperda hjar bitterswiete langstme fortakke hjar nou yn twa
wegen. De sterkste gyng altyd wer út nei hjar greate, oermoedige jonge,
yn hjar memmeëagen altyd noch lyts en helpsikerich. Hokker âlder sjocht
syn bern ea great? Hja bliûwe lyts, al wirdt heit ek njuggentich en hja
sauntich. Mar as der wer aeklike prakkesaesjes hjar binearen, den stie
der lytse teare Doedte, it bern fen hjar soan en frege ek om ljeafde en
beppe herte wie in ryk saed fol ljeafde en joech jerne....

Forline hjerst hie se it wol bispeurd, Jehannes Falentijn en Doedte
wierne lang net fij fen inoar. Syn eagen forretten him altyd weroan en
mei hjar sterke speursin markbite se al ringen, Doedte hjar hertke
waerd’ ek wekker.... Skruten en tear, in lyts maitiidsblomke yn in
great hôf, hwer de sinne ta ’n yn bigjint to skinen.... En al koe se it
as âld aristocrate hast net daeije, in boargermanssoan wolkom hjitte to
moatten as de oansteande man for hjar bernsbern, dochs sei hjar forstân
it hjar wol.... Doedte krige it bêst en scoe op ’e hânnen droegen wirde
fen de hiele femylje.

Mar krekt, as rekke it spul oan ’t sloeren. Regnerus en Falentijn
moeten inoar op ’e kolfbaen en hiene ek in skaekjoun togearre, mar de
jongeljue seagen inoar hast noait. De simmers hie Doedte thús west by
heites yn ’e Bjirmen, hie it húshimmeljen mei dien en letter de forname
gasten mei ûntfongen, heite eptige frjeonen, dy-t mei soannen en
dochters kamen, de Frentsjerter prefesters, dy-t út to tsjokiten en
útfenhûzjen gyngen by de âlden fen hjar stedinten, de doomné’s,
ûnderweis fen ’t iene plak nei ’t oare en by de stinsljue bean as
wolkomme gasten, al wie ’t allinne mar om ’t archyf by to hâlden....
Der seagen hjar sadwaende in bulte, in mennichte fen loaitsers, mar
yette gjin keapers. Hwa doarst it ek oan yn dizze minne tiiden, om in
húshâlding op to setten? Och, it wie der wol in hege steat yn ’e
Bjirmen, det wist it folk ek wol, mar de pong, de boom skûrde der net
út fenwegen de sulverswierte. Saundersum, it wie me der in skare, it
spande, om se allegear goed to plak to krijen. En derom, it gyng hjar
einliks mar frijhwet to stadich mei doctor Falentijn. Doedte wie nou
great.... de measte famkes fen hjar stân al forsei ef troud. En
sadwaende kaem ’t lang net fen onpas, det hy hjar ris opsochte, nou ’t
Doedte sont trije wike wer yn ’e sted wie. Hja krige nou sangles fen
monsieur Parmentier en hja forsocht doctor Falentijn, as ’r de fioele
ris meinimme woe en op in joune komme, den scoe hjar det oanstean.

Simstiiden kaem ’r, stil en earnstich en stadichoan bigoan ’r as in
tûke oerste de lytse festing fen hjar skruten fammehertke to foroverjen
mei syn spyljen. It hie hwet eigens, hwet tige persoanliks, donker en
breed lei der dochs in gloed yn, dy-t mei tsjoenende hearlikheit
oarmans herte omspoan. Eltse toan, eltse triller lokke wûnderlik....
Noait hie mefrou Ripperda noch sok spyljen heard.... Der wie eat yn fen
oproerige, woeste Sigeunersangen en den wer fen fiere jubel en ek
wémoed, ja det ek....

Doedte siet der by op in lyts stoeltsje en suchte fen wille wûnderlik.
Der bigoan in kleurke op hjar wangen to kommen en hjar eagen, dy greate
kristallen, wykten net fen ’e snaren, fen de brune hânnen, dy-t de
strykstok hantearren en mei sok gesang hjar lokken.... Sa siet se der
den foar him yn in hoeke fen ’e greate keamer to harkjen, it
blaufewielen jurkje mei de kamerdoekse kraech hiel stiif om it teare
lichemke, de smelle lange hânnen drok nifeljend om ’e figuerkes fen ’e
pauwefear to breidzjen for in greate challon for beppe en sims ek stil
yn ’e skirte. Ef sims.... stie se deun neist him en song.... it ljeave
lûd hwette onwis noch, mar suver as in sulveren klokje....

Sa gyngen de moannen fen it wachtsjen foarby, stadich, stadich as de
trêdden fen in loaie lânmjitter for âlde mefrou Ripperda en for
Jehannes Falentijn fleagen se foarby mei joleit en plaisier, hird!
hird!

Det jiers foel de winter betiid yn. It bigoan to waeijen út it
Noard-Easten, stiif en sterk. De steppenwyn fen Sibérië kaem ’r
oanjeijen mei fule foarsje, in âlde, grime ruter en boldere syn
machtwird oer it yneine, biidzjende gea.... keal.... forlitten en
forsutere nei de Snein der Freugden fen de jiergetiiden. Tsjin de joun
bôze it waer oan, it bigoan in bytsje to wiskjen en sniekoppige buien
dreauwne stadich op it stille Fryske lân oan as swierbiladene skippen
mei sulverblinkende seils. Alles bleau lizzen, de greiden waerden wyt.
Dodderich gyng de sinne ûnder, sette it gea ien tel yn in frjemde
gloed.... scoe min nou net sizze, det it in oare wrâld wie, in wrâld
fen dream en tsjoenskyn....? tocht Doedte.

Earst hie se in skoftsje nei it snijen sjoen yn ’e efterkeamer, der min
sa fier sjen koe, oer it tún hinne de stedsgreft en den hiel fier it
lân út, de skaden fen ’e keale beambosken, de readpanne húskes by de Ie
lâns en sims hjir en der in stomp toerke. Nou like alles onwennich en
forlitten en joech se hjar nei foaren ta en siet foar ’t finster út to
sjen. Mar der kaem ek nimmen foarby.... gjin wein dindere oer ’e grouwe
balflinten en gjin karossen kamen krêkjende wei mear om ’e hoeke. De
trapkes fen ’e húsgeveltsjes skimeren al wyt en yn ’e smoute herntsjes
fen ’e striette, tsjin in stekje oan ef by in beamke op, der bleau de
snie ek al lizzen, de earste snie fen ’t winter, de lange tsjustere
winter fen fiif moanne, as de jounen hast net om woene by it lytse
ljocht fen ’e kjersen, fen acht nou al bimindere ta fjouwer yn ’e hiele
keamer, fenwege de minne tiiden. En njuggen ûre krekt den kaem Minne
Pjirkes slof-slof de lange gong lâns en blies se út. Den wie ’t
bêdgongerstiid.

En wylt se der sa siet, kaem hjar fensels ek wer in oare joun yn ’t
sin, noch net sa lang lyn, ek min waer, slimmer as nou yette en de
freeslike moarn, dy-t der op folge, do-t beppe siet to stoarjen by de
tafel, de eagen fol triennen en Ryklef-om syn stoel leech en keal tsjin
’t bedsket oan, it toebakspûdtsje noch hingjend oer de knop fen ’t
bekling en yn in hoeke fen ’e keamer syn learzens, noch bimoddere fen
jister. De wynhoun lei der foar en grânze tsjin elts, dy-t der mar nei
wize doarst.

Hwer wie omke nou? Hja hie forlangst nei him, optheden sa tige, nei syn
earm, hwer se heal fen droegen waerde as se ris togearre kuieren troch
’t tún, nei syn hertlike ljeave lûd; det yn sêfte wirden al hjar lytse
en greate fortrietlikheden delbêdde. Nou se yn bistân stie miskien wol
hiel yntkoart.... al it ljeavjen fen hjar herte oan in oaren ien to
jaen, wie ’t krekt, as liet dy âlde, sterke bân him mar net sa spjalte
en tobrekke. De ljeafde wie noch sa frjemd en nij en o it skrutene hert
koe der mar sa stadichoan ta komme, dy biwâld oer al hjar tinsen, dwaen
en litten to jaen.

En dochs! as se der goed om tochte, ja den forsonk dochs al it oare en
bleau der neat oars as Jehannes Falentijn en dy allinne.... Den waerde
hjar hertke in triljend lyts reidtsje yn ’t machtige wrâldsbidriûw en
biide fol démoed de sêfte sigen fen ’e Súdewyn, dy-t it folle rike
libben bringe scil, simmergloede en simmerleed, ja ek det....

Sa siet Doedte der dy joune to prakkesearjen en nimmen flustere it hjar
yn ’t ear, ho-t Ryklef-om optheden ek tige om hjar tochte en syn reis
nei hûs bispoede, dreauwn fen in frjemde binearjende langstme. Greve
fen Saijn biselskippe him oan Potsdam ta en sadwaende joech de reis him
alles, hwet mar mei jild to bikeapjen wie, de alderbeste hynsders, de
eptigste weardshuzen, de beste „introducties” oeral. It wie allegear sa
noflik, mar makke it net swak? en al ho tankber hy ek wie, der foel him
in  pak fen ’t hert, do-t hy ôfskie nimme koe en allinne wer oan ’e
swalk rekke. Ho ’n langst krige ’r nei hûs, eage ’r oer it lege lân om
Bremen hinne nei ’t Westen út en mei ho ’n freugde hearde ’r yn it
Saterlân wer de earste fryske klanken en siet der oan ’e dis mei
neisaten fen syn eigen folk, rys fen ’t selde hout!

Einliks.... de lêste dagen gyng ’t oer hirdfêrzen wegen, slingerjend
twisken wytbisnijde lânnen op Emden oan. Der lei it wetter, it wiide
rike wetter! Fol niget snúfde ’r de sâlte geuren fen ’e sé op, hearde
’r nei de skreau fen ’e kobben, heech boppe syn holle en seach de âlde,
wolbikende lyntsjes soeijen yn ’e wrede wyn en der de lytse skaerkes
oan to druijen. Hie ’r wol in jier foart west?.... in lang jier? in
wreed learjier? der syn geest ryp yn makke wie, om de davering fen
wilbirettens en diedkreft, it opeaskjen fen de hiele minske en al syn
kreft! it biidwird fen dizze tiiden, bigripe to learen.... Raer wie ’r
troch de moster feegd, hie earmoed kennen leard en minskene ellinde fen
allerhânne soarte, in machtige hertstochtelike ljeafde, skeakele oan in
bittere dwesting, hwer syn hert him yn pynkrimpings tsjin forset hie,
sá sear diich it—wie as in föhnwyn oer him hinne jage en neat! neat him
bisparre.... Hie dit altomets syn wrâldfjûr west, om lottere to wirden?
Sa mealden de tinsen yn syn holle om, mar yn ’t effen kaem ’r net mei
him-sels.

It joune al—syn hynsder hie ’r to plak brocht yn in waerme stâl foar in
goed krebfol foer—do gyng ’r noch ris ’t bolwirk om en einliks yn ’e
bidelte nei de haven. Der wie gjin minske to sjen, mar fen alle kanten
loerden de ljochte finsterkes fen ’e huzen nei him mei finnige
âldwiveëagen ûnder de wite sniekape wei. It bigoan feninich oan to
knipen, krekt as sieten der tûzen nuddeltsjes yn ’e loft en diene neat
oars as prippen yn ’t fel. Hy sloech syn mantel tichter om ’e lea en
kroep suver forside yn ’e âld mûts. Syn eagen dikeren oer it stil
noadzjende, skiere wetter, neat as weagen en peallen, grien bimoske,
spûkeftich yn ’t feale ljochtmoanne waer, o neat as forlittenheit
yette.... Scoe ’r nou fen Scylla yn Charybdis forfalle moatte? Moarn
scoe ’r ommers de sprong weagje nei it ûnbikende, op it gefaer yn,
miskien wol de dead, hwent hy struide himsels gjin sân yn ’e eagen, de
tastân dêrre yn ’t heitelân wie minder, as ’r ea west hie. De brieven
telden der fen en hwet ’r twisken de rigels troch lies, der stiene noch
folle slimmer dingen.... Hy spile nou noch folle heger as ea
tofoaren.... „Hwerom bijowst dy den ek wer yn sokken tizenêst,”
lytsmoedige him syn wach kwea-ik, bigearich him yn in swak steed to
taesten en markbitend, ho swak as ’r optheden wer wie mei dy ûnsikere
takomst foar him en it hearlike Sigeunerlibben fen wille yn Bohemen ef
fierder op noch to binaderjen yn ’e fierte....? Det tizenêst fen
strideraesje om macht, rjucht, godstsjinst en persoanlike foarrjuchten,
koe hy det út ’e tiis krije, lykme allinne?

Hokfoar driûw swypke him einliks oan? Hwerom dit gean nei hûs, biredt
en hastich? Omt hy foar fêst leauwde, det alle gesach is út God en alle
gesach, det der tsjin yngiet, op den duer fen syn eigen greatmachten
wer to niete gean scil en det hy nou roppen waerd, hy persoanlik ek, om
syn lyts earm lân fen bystân to tsjinjen, al scoe ’t den ek wêze as 100
tsjin 100.000 ef yette mear. Hwent Ien is ’r, dy-t seit, hjir oan ta en
net fierder, frjemdling!—de fordrukking fen Myn lân en Myn folk is oan
in tiid ta, oan Myn tiid ta. Den lit Ik wetters komme om hjar to
forswolchjen ef de pest, de grime swarte dea, dy-t hjar de lêste syke
ta it lichem út parset ef oare slimme bisykings en Ik lit it lân
skjinfeije as in telleflier en suverje Myn folk fen frjemdlânsk oerlêst
as de wanne it sied, de kerl en syn húl....

Dit leauwde ’r en dit wie syn kreft. Der wie nou syn ropping, hy fielde
it en de moed ta de died groeide skoatich yn him by it sjen oer it
brûzjende wetter, de skied fen syn earm lân. Lei it der net foar as in
earm warrich jage dier foar de wolven? Ja slimmer as wolven wierne der
optheden oergear, it wie de fornietiging sels, hwer it fen bisprongen
waerde....

Mar ek—hwet fen fornietiging bisprongen wirdt, hat eat yn him fen
greate waerdij, det fier boppe fornietiging en dead útgiet.... Der is
gjin stryd, as der gjin lean wêze scoe.—

De oare moarne skynde de bliere, heldere sinne oer ’e wite wrâld. It
hiele lytse Emden wie in weikrûpt lyts fûgeltsje yn ’e skutte fen syn
wite bolwirksbeammen. Om middei hinne bigoan de wyn, de moarne yette in
stadige Easterkoelte, ta to setten, it waeide, det it lille en de wyn
roan al heger en heger ta ’t fiere Noard-Easten ta.

Do lichte in swierladene Noardlânskoffe fol hout it anker en stevene,
al de seils op en sêft soeijende as in skuitsjeseas yn syn riemmen op
’e weagen, op ’e fiere igge fen Grinzerlân oan. En Ryklef Ripperda stie
foarenoan by de boech. Under’t mom fen in ienfâldich houtfrachtersfeint
sloech syn hert mei heftiger slaggen, do-t se al skipperjende en
lavearjende, de hiele koffe oer en oer wyt en de seils as planken sa
hird, ta de haven fen Delfsyl ynsylden en it paed nei de greate sted
fen Grins sochten.

Mar gjin healûre letter lei de greate trijemester stil. De froast wie
machtiger as hy en stie him.

It wintere fûl.—




VII.


As in lange staesje fen stil-trêdzjende skiere nonnen, sa tôgen de
wolkens, frachten snie yn ’e kape, de winterloft lâns, it forlittene
paed, hwer gjin fel sinnefjûr mear barnde en hjar greate grize kapûzen
fordonkeren smychtich en skelmich it lytse streekje sinneskyn, dwaende
yn ’t Súd-Westen om hjar to ûnderwrotten. It pinkeage der al de hiele
dei om, earmtlike sobere pronk fen in sinneblinkje, det gjin sinneskyn
hjitte koe, en gjin ljochtmoanne yet wie. In biwyske wie ’t, in
triljende libbenssucht fen it ta de dead martele en stridende ljocht.
Hwer wierne nou de dagen fen triomf? de hjitte wegen fen ’e bigearten?
hwer eltse foetprint in bûrling bliûwe liet fen tinend ljocht, fen
hearlike blide tinzen, fen kostlike kreft, dy-t oanfitert ta moedige,
oermoedige en selst weachhalzerige dieden, de tsjustere driûw fen ’e
hiele skepping, om wer it nije to jaen yn ’e tiid dy-t komme scil, it
libben syn foartbistean’s wissichheit yn it smeijen fen ’e nije
skeakel?

It ljocht sykhelle noch swakjes oan ’e loft. Ho flau de skimer! ho
kringe de démonen fen skaed en nacht al wramende op him yn! Sjoch se
wrakseljen mei him, de godlike! en den wer yn inoar om! sjoch it
slangeringjen fen hjar skiere, wytskobbige wolkeliven! hjar spjaltinge
yn in mennichte fen wjerljochtreade fangearms, om der it godlike, det
mar net stjerre wol, it moaije, it goede, it reine fen ’e wrâld mei to
fornietigjen. Ho-t se de wrede wyn en de kjeld oproppe ta help, o dy
freeslike wraksel derboppe yn ’e loft.... is ’r net it suverste byld
fen ’e lytse minske op ’e lytse ierde derûnder, ek wrakseljend tsjin
syn kweade geesten, dy-t nei him rame, om him it godlike fen syn siel
to ûntstellen?

Mar it ljocht, it godlike scil it winne....! En sa tynde it stadichoan
oer in stille lânsdouwe, griis en feal yn ’e winterfoarmoarn, forlitten
fen minske en dier yn ’e meast folkomene iensumheitsearmoed fen ’e
onbiprinte snie, dy-t noch gjin minske droegen hie, allinne de lichte
lêst fen rovers út honger en moardsucht, oanfitere ta strún en aventúr
yn ’t piktsjuster fen dizze stille nachten.

Ien jaget der oer in boerehiem yn it winnende ljocht.... de moaije
lange rêchhierren stiif fen froast, de lytse snút gnúvt by de hinneloop
lâns. It rûkt der sa fearrich en fetlik.... Hy hâldt him mei de skerpe
klauwkes oan ’e triemkes fen ’t hinneljedderke, it sêfte moaije lyfke
himet fen wille as in jager it boarst, as de hazze omtûmmelt fen in
rekke skot yn ’e efterpoaten. Hjir is it neat oars as moardlust, dy by
tiiden raest om bifrediging, derre de mird freget neat as iten, it
wapen tsjin de stille, grime dea, dy-t nou al dagen op him loert.

De hoanne skreauwt en slacht yn de geweldige wjukken, de hinnen raze,
as in lytse dryste ruter springt de mird de alderfetste nei de waerme
strôt.... Wer stiltme. Hwet geslûp en gewriûw, in plofke yn ’e snie, in
bloeddrip twa trije op in efterhússtriette, suterige wyt yn it bleke
ljocht oan ’e Easterkym.

De mird spilet fen ruten, as in tigerke giet it by sprongkjes mei in
plofke op it hirde iis fen in bysleat, by de rûche wâl wer op en den
oer it lân yn ’e tichtsnijde fûrgen lâns. De skiep skeuke him foart, as
’r oan hjar lâns reart, in âld skierroek yn in iensume eskenbeam skeldt
him út. De mird dûkt him noch lytser. Hwet male him dizze allegear! Der
is neat, hwet him fen it paed nei de hoale ôfhâlde scil en mei faesje
tûmmelt hy by de hege wâlskant del op it hirde iis fen it Djipt.

Ynienen krûpt ’r yn inoar ta in nietichheit, in biwyske mar fen in
libben dier. Syn bloeddrich snútsje giet skûl yn t sêfte hier fen ’t
lyfke, de fjouwer poatsjes lûkt ’r op, de rêch jowt him willich yn ’e
bocht, nou moat de sterke rêchbonke de skutte wêze tsjin gefaer. Sa
leit ’r der deastil, in lyts protsje yn greate deadsbinauwinge.

De minske, de greate fordylger, giet foarby. It skaed.... it greate
skaed yn ’e wrâld fen al it djiert, hwer it mar earne ek sykhellet....
it greate skaed, altyd fen pine en dead biselskippe. Hy hat wjukken oan
de foetten. It iis krêket en earmoedet, hwer hy de swierte fen syn
lichem plantet. De kwalster stout de mird oer ’e hûd, hy roert gjin
hier, leit as dea.... It skaed giet deun oan him lâns.... As in skûrwyn
giet it foarby....

Mei in sprongkje ef hwet is de mird nou by syn hoale ûnder in daem yn
in forstoppe pomp, hwer it wetter net mear troch wol. Mar de minske,
hokker hoale nimt him yn syn biwâld, hwer is de koestering fen in smûk
binhûs for syn yneine foetten?

De reedrider seach de Liikster bosken blauwjen oan ’e einder, rjuchts
seach ’r de âlde standermounle fen Súdhoarn en it keal beamte fen ’e
Hanckemabosk en hirder, al mar hirder kris! kras! fleagen de flugge
izers oer it hirde iis. De wyn hie de snie der ôfjage, wreed en kâld
lei it iensum paed der foar.

Hy bleau efkes stean to útpûsten yn ’e smoute fen in tropke beammen.
Hwet scoe ’r wol net jaen wold ha, om him efkes waermje to kinnen yn
ien fen ’e greate bûthúzen, hwer nou sa noegjend de kouwegleskes fen
skimeren yn ’t bleke lantearneljocht. Hy koe it gefaer en hy joech ’r
him mar net sa op ’e dolle roes yn. Mei soarch strûpte ’r syn knapsekje
los, det him op ’e rêch hinge en helle ’r in spekbrogge út en al itende
wei ried ’r stadich fierder, Bidlersboom foarby, op Blaufallaet oan.

De sinne riisde boppe de tear-kleurde roazereade kym.... hwet in
woldied wie dit stille, bleke winterljocht for de iensume reisger! De
sniewolkens protten nou gear yn nidige kloften djip yn it Suden en
seagen oerginstich it ljocht groeijen, boppe de kym út en winnende wei
heger kliûwen, al mar heger....

En hy!.... o ho seine hy de nije dei, wer de earste yn it heitelân, de
brune jonge skippersfeint! It pakje stie him goed, al wie ’t hwet
bilape en ’t konstitúsikoard al lang fen donkerbrún ta bleekgiel
forwosken en in fellemûtse mei earkleppen siet him sa ticht om ’e
earen, min seach allinne der ûnder út in moi greate noas en de mûle mei
syn waermreade lippen. Lyk ûnder ’e rânne fen ’e mûts laken heal biskûl
ek de heldere brune eagen en seagen frank en frij om hjar hinne, yn ’e
wite stille wrâld om, optheden it bisit fen him lykme allinne, hwent
fier en nei wie gjin minske to sjen. Mar yn ’e fierte krinkelde in
slangkje reek de loft yn en kefte in hountsje.

De lange reed fen ’e neinacht wie foarby. ’t Gyng al mear en mear op
hûs yn, der scoene nou al gefaren op ’e loer lizze kinne en hy tochte
ynienen om ’t âlde sechje fen syn heit: ho tichter by hûs, ho greater
de skea, sei de hazze en hy rekke tichte by ’t leger yn in
rottestap—mar gefaer—der hie hy noch noait foar omkrolle. In nuver
soarte fen wille wie ’t for him, om him der tsjinoer stelle to kinnen
en ’t op syn alderfynst út to fikelearjen hwer de goede kâns om to
ûntkommen to finen wêze scoe.

Foar de wyn ôf liet ’r him stadich glide, de soune skoudrige lea sêft
widzjend nei ’t forweech fen ’e stevige streek fen ’e skonken, de
hânnen yn ’e broeksbûsen, de eagen skerp stoarjend alle kanten út. It
wie noch fierst to betiid yn ’e moarn, ’t gefaer sliepte noch, allinne
by Blaufalleat wie folk warber. In âld man kapte in nij bit oan ’e
feartskant en it kefferke roan as in lytse gek oan board fen it skip om
en wie alhiel oerstjûr.

„Scilst’ stil wêze?” raesde de man mei de bile. Mar Bijke joech gjin
belies, tûmmele fen pûre razenheit fen it skip op it iis en hinge mei
feninige toskjes de reedrider oan ’e bokse. Dy bleau stean. It like
hjir net sa ongeskikt, om ris út te pûsten en nei ien en oar to
pinfiskjen, dy âld man mei syn gutige skreefkes fen eachjes en syn
fynlippige mûle like snoadernôch, om in petear wirdich to wêzen.

„Kâld, hwette?!” sei de reedrider en stie yn ’e smoute fen ’t skip nei
de bitmakker to sjen.

„Foaral for in gewant jongkearel, om loaikjend nei in âld man to sjen”,
gnyske de oare.

„Det hoecht gjin twaris sei”, en de reedrider naem him de bile út
hânnen en sloech der op as in flaljeklap op ’e telle. De skossen
stouden der nei en efkes letter lei it donkere wetter syn heimnisse
bleat. ’t Kefferke slobbere yn ’t wetter om, mar hâldde de frjemde man
dochs altyd yn ’t fesier. Syn kraleëachjes wykten net fen syn wegen.

„Kom”, sei de skipper rejael, „in kûmke kofje. ’t Wiif hat se brún. Den
kinst ús skûte en sa ek ris sjen. ’t Is in gnappen-ien. Hast licht wol
ris heard fen „De Vrouw Maria?”

„Nou né”, sei de reedrider, „ik bin fen de bûtefeart, Emden en
Hamburg”.

„Soune en skande, ik hie wol wirk for sa’n ien as dû en den om utens to
swalkjen.... Mar dy-t jong is, hat wyld hier en eart det net útfallen
is, wolle jimm’ ’t dochs net leauwe. De earen scill’ dy ek noch wol ris
bikauwe wirde der yn ’e frjemdte, det wik ik dy, jonkje....
Fortsjinnest oars goed?”

De reedrider wrotte krekt troch ’t lûk en do’t syn foetten wer groun
fielden, andere ’r: „’t Hat syn útfallen, sims in goudgoune en ek wol
ris fijfjes, ja dy wol it meast.”

„Min sjocht it dyn habyt wol oan”, en de skipper takseare it bilape
buis en ’e âld mûts en ’e hirde fetlearen skoen ûnder ’t
kofjeslobberjen wei en hy joech oarder oan ’t wiif, om in boltsje to
smarren en der in goede hompe tsiis op. En noch in kûmfol gleone
kofje.... De reedrider fielde him op dit stuit as in bidler, dy-t sa
mar ynienen in keningsmiel foarset wirdt.... Noch noait hie him eat sa
forkwikt as dit ienfâldige moarnsbyt.

d’Ald skipper hie de eagen net fen him ôf. „Dû bifalst my wûnder. Hast
fen ’t maitiid noch gjin tsjinst, freegje den mar by Visser’s folk to
Heech, hwer Jellema is mei „De Vrouw Maria”, dy witte altyd wol, hwer
ik tahâld, hwent myn jonges farre for hjar op Londen mei iel. En hwer
kin ik dy biskriûwe?.... So, wennet der folk fen dy to Ljouwert, yn ’e
Bûntebargesteech? As wy it roer der ris fêstsette, den siikje wy dy op
by gelegenheit.”

„Bêstich”, glimke de reedrider, „beide wolkom, hear”, en hja fûsken as
âlde kammeraten. Like wiis as ’r kaem wie, ried ’r wer foart en al wie
’r neat gjin nijs wys waen, licht wie ’t ek mar better sa. Hy seach
noch ris om nei de beide âlde minsken op hjar skip, nou al hiele lytse
swarte stipkes yn ’e greate, wite wrâld om hjar hinne. Scoene se inoar
ea werom sjen? En dochs foel dizze aerdige ontmoeting as in bliid
fonkje yn syn hert.... it makke syn hiele moarn goed.

Der waerde nou al mear folk warber. Hânnelsljue rieden him foarby nei
’t Grinzer wykmark, pearkes om in Lieksterblom to heljen, de famkes, de
moaije wangkjes blau fen ’e kjeld en de wiide rokjes as tontsjes om
hjar hinne fenwegen de wyn, stadichoan oanbôzjend út it Easten, sims in
slide, folladen mei sekken sied, trije kearels derfoar en ien der efter
en den wie ’t mar fen wyk-út en jow-rûmte.

Yn ’e lijte by in tropke wylgen-moezen en in jaskerke spanden se in
seil, der kaem in dis mei hjitte sealjemôlke en knapkoeken en der siet
me in âld wiif efter mei filekaenseagen, soksoartigen hy syn
libbensdagen noch noait sjoen hie.

Hy skrilde der fen en seach mar gau yn ’e oarre wei. Koe se him? wist
se hwet fen him? De geur fen ’e sealjemôlke lokke him oars wûnder,
suver mûltergjen wie ’t. Mar hy forwarde him der tsjin en kraste
hastich troch, de brede baen lâns. Einliks, noch omdize fen ’e fine
wintermoarnemist, seach ’r de stompe Stynsgeaër toer út ’e beambosken
fen Siccamaslot en Boelenshûs tinen en as in wife blinkert yn ’t
tsjuster fen dy bosken ien amerij de wite hege sydmûrre fen
Siccamaslot.

Hy bigoan nou ek syn lea to fielen. Sont fen ’e moarn fiif ûre op in
paed, syn ankels diene him sear fen ’e stiifboune riemmen en syn
skonken fen ’t hâlden en kearen op ’t kwalsterige en onbibane iis. In
tel mennich letter Mûntsjetille en lofts hwet fierder yette de beammen
fen Bouwekleaster, it noflik thús fen syn bigearte.

Hy ried de opfeart del en boun ’r him by ’t brêchje ôf. It spande, om
troch de sniedunen hinne to kommen en ien amerijke bleau ’r ris efkes
stean, om út to pûsten en om him hinne to sjen. Ho ’n hearlikheit wie
dizze wite, wiide iensumheit! Hy, de lytse, hymjende en wraemjende
minske, it swarte biweeglike stipke yn ’e stjurre wrâld fen froast en
snie, bidoar neat fen ’e majestieuse moaijens fen dizze oarde, sûnder
minsken en huzen. Hy wie ’r to lyts, to nietich ta. Al scoe ’r der nou
ek delfalle en nei in pear deadsetten stjerre, syn waerm jong lichem yn
pinekrimp ticht tsjin ’e âlde mem ierde oan.... hjar scoe der net iens
de lytste rille fen oer de lea gean, as der him wer hwa ef hwet
bijoech. Kaem it hjar elts jier net sels oer? As in swiere, droeve
weach fen in onneispeurlike Oceaen fielde se ommers elts jier itselde,
berte út hjar swiere, ripe skirte en dead, wer dead, it willeaze
oerjaen fen al hjar kostlikheden yn machteleaze opstân tsjin ’e dead,
de gnizer om ’e hoeke. Om de minske, de inkeling, bikroade hja hjar
likemin as om it fallende bled fen in beam ef in deade bij, fortiisd yn
’e webbe fen in spin.

Krekt as fielde ’r eat fen dit alles op dit stuit. Noch nea yn syn
libben wie him de iensumheit sa bikrûpt en ho bliid wie hy der ta,
einliks fêste groun ûnder de foetten to hawwen, de Stynsgeaër wei en
det opdraeije to kinnen nei ’t Bouwekleaster. Hjir wie ’r ienkear
earder lâns gien mei Anders ta maet. Do stie de wrâld yette yn ’e
pronk, apels blonken yn ’e hôven en blommen yn ’e túnen en moai fé
weide yn ’t lân, nou waeiden de toarre hopperanken op de diken en
hâlden noch yn alle earmoed de keale ikenstruwellen omklammere, yn
libben en stjerren jimmeroan ien! De tokken klapperen kâld hinne en
wer, bonkjes fen in geramte yn winterdeadedâns, de Eastewyn as spylman
en de froast as kâlde fryster de lange tsjustere winternacht. In heal
forhongere hazke sprong op út syn leger yn ’t rûch fen ’e dykswâl en
joech him stuiterich fen ellinde ôf, net fierder as stiensmiterslingte.
Der stie ’r wer, to swak om fierder to kommen. Det bigrutte him en hy
smiet him in timpe brea ta út syn knapsekje. Do-t hy efkes letter
omseach, siet it hazke der al by to knabbeljen. It earme dierke en hy
wisten beide, hwet honger wie, al wie hjar honger ek ongelikenser
soarte, swerflingen wierne se allebeide, frjemde hoalen ta hûs, jage
fen wrede hounen tiiden lang....

Einliks seach ’r as earste fen ’e trije Wolmoet hjar pleats, djip ûnder
de sniekape. Ho ’n skat, sa ’n honk, sa ’n thús yn it âlde Fryske lân,
it seine âlderserf, mei de ljeavjende hân oerjown fen âlder op bern en
fen bern op bernsbern!

Wobbe wie mei de feint oan ’t dongkroadzjen efterhûs en krige him al
fen fjirren yn ’t fesier.

„Hea”, sei ’r bidaerd wei tsjin de feint, „der komt de nije turfskipper
oan. Det treft mar goed, de frouljue woll’ noch graech hwet sponturf
ha. Is der noch plak yn ’e skûrre? En rin gau efkes nei Bindert en dy
’s, det dy optslach efkes komt, den kin dy ek noch hwet krije.”

De feint kroaske nei de skûrre en do troch ’t gat yn ’e hage nei
Bindert Japiks, de bûrman. ’t Paed wie rûm.

„Moarn boer,” sei de skipper dimmen en seach Wobbe mar net oan.... „hat
de frou ek turf brek?”

„Jonker!” hime Wobbe en stiek him de hân ta, „o! o!” en do ynienen hie
’r himsels wer yn ’e macht en sei lûd wei: „Turf?! ’k Scoe ’t al sizze.
As se net yn ’e hutte binne, den grif yn ’e molkenkelder”, en hy raesde
lûd om ’t hûs: „Der is in skipper for turf.” De feint hearde ’t, seach
nou net iens mear nei dy skipper om en gyng syn wegen. Sá goed spile
Wobbe syn rol, mar yn syn âld hert wie ’r raer gesteld. De jonker, o
goede guánt noch ta! Ho kaem ’r hjir? en hwer kaem ’r wei? en hwer
moast ’r hinne yn dizze slimme winter, dizze fûle kjeld, det se selst
de skiep binnedoar helle hiene en alle moarnen der fûgeltsjes dea ûnder
’t tek weifoelen. O hearink hwer moast dit hinne! en hy krige der sa ’n
bikrûping oer, det der ûntfoel him in trien. Hastich ôffeije mei de
mouwe, de feint mocht it oars ris sjen. Hwet scoe ’r graech yn ’e hûs
wolle en ris ôfloere, ho ’t Wolmoet en Lysbeth hjar postuere scoene, as
dizze fiere frjeon ynienen libbenliif foar hjar stie!

De tsjernmounle gyng en de wine bigoan to klapperjen, allegear ljeave
bikende heitelânske lûden, hertetreast for de swerver. Ho moai dit
fredige boerehiem by winterdei! de lege rûchbisnijde huzing, forside
krûpt ûnder de âlde linebeammen, de lange wite oesen oan it tek, nou as
fine sulveren franje yn it ljocht fen ’e moarnssinne, de greate reade
hoanne, fiktoarje kraeijend op ’e skerne tsjin in fiere oare strydheld
en den de heldere kâlde wintersinne hjar glinsters oer al dit wyt en it
bytsje kleurigs der yn forskerpjend ta grille bretale moaijens.

Sa kaem ’r om ’e hoeke en seach Wolmoet stean, dwaende om
spekswaerdtsjes, oan in touwke reauwn yn in beamke op to hingjen.

„O!” sei se en stoarre nei him as in skynsel. Hja sloech mei de hânnen
yn ’e loft, mar joech aldergeloks fjirders gjin lûd.

„Stil!” hjitten strang en flaeikjend syn moaije eagen, dy-t hjarres
frank en frij en o sa innige hertlik fen loaits moeten. Hy seach hjar
triljen en forslein der by stean en hy diich war, om sa gau mooglik dit
noedlik amerijke ta in goed ein to bringen.

„Bêste baelder brek?” frege ’r dimmen, mar de skalk kaem efkes om de
hoek yn ’t glimkjen fen ’e mûlshoeken.

„Gien mar mei en freegje Lysbeth,” sei se en makke, det se fen ruten
kaem, troch ’t gongkje nei de keamer. Der wie Lysbeth, oars nimmen, der
wie de feilichheit. En ’t âld sloof skriemde fen blydskip, do-t se him
seach en wist net, ho-t se him wol lette en sette scoe.

De waerme húslikens der fen dy âld keamer wie as in mantel fen smûkens
om him hinne. Der stie in oeribel great fjûr op ’e hird fen bêste
boekeblokken en de greate swietapelpot prottele heech oan ’t hael mei
geurige brimstigens. Roek min net de sjerp? en de bargerêch? en den de
oare goede dingen, dy-t der noch yn ’e stalpanne op ’t komfoar stiene?
De kat siet der by to noaskebarnen en heech yn ’e loft boppe de
bedsketsdoarren rôp de darteldou fen roekoekoe, do-t hy frjemd seach.

Hwet wierne se allegear bliid! Hja wisten net, hwet se him wol net
oandwaen scoene en tatriûwe. Lysbeth hie gjin sittend gat, dy toaide
mar oan, mar Wolmoet? dy siet der stil by en harke.... harke, it hiele
fine antlitke ien oandacht en démoed. En by it sjen fen hjar, de suvere
reinens fen hjar wezen, de teare fammigens, it oanminnige fen ’e lytse
blom yn útkommensmoaijens fen hjar wêzen, toraende alles as waeks, hwet
der hird wie yn it herte fen ’e kriichsman en waerde ’r fen sêfte
fielings dreauwn, om oan ljeave dingen to tinken. Ho nei wie ’r oan
hjar alle trije forkleefd as oan guont fen ’e alderbêsten út it Fryske
laech.

Al gaueftich kaem Bindert Japiks der ek oanstappen en skikte by. Hwet
waerde der hwet bipraet! yn in healûre tiid wist Ripperda fen al dit
ljeaf en leed fen ’e lêste tiiden en it leed hie fier de oerhân, ja wol
det! It folk kreunde ûnder it swiere jok, wierne it gjin frije
skouders, hwer nimmen noch ea in lêst op lizze doarst hie? sei Bindert
Japiks en nou sa?! Ljeaver dea as slaef! noait dûke! noait krûpe, as ’t
wêze moast op in healspyn lân frijman, eigen hear, Fries op frij Frysk
lân! En nou scoe Fryslân by Hollân komme en koe opdraeije for de greate
skilden, fen ’e oare provinzjes en ’e forkwistende steden makke.
Fryslân en Sélân stieken de hoarnen yn ’e wâl en de ôffirdige nei de
„Nationale Vergadering” scoe ’t boadskip meikrije, earst de oaren
offerje en den scoene de Friezen ’t laedtsje ek ris útlûke. It wie
altyd alweroan mar bitelje.... bitelje, suchte Bindert Japiks. En hja
rekken op ’e tekst fen ’e Optwizeler merkejoun o! o! en der bloeiden
reader roaskes op Wolmoet hjar ljeave wangkjes as ornaris en de jonker
hie der syn eachweiding oan en hy pinfiske krekt sa lang, it hege wird
moast der wol út fen Roanes, Lysbeth forklapte it. Sedich gyng it kopke
foardel, hy seach allinne mar mear it blonde hier skimerjen troch ’t
swarte haekte mûtske. En hy prize de man lokkich, dy-t dizze ienkear
winne scoe ta breid.

Nou skikten se allegear sa mar sûnder fratsen om de tafel. „De skipper
scil ek hwet meiite,” wie Lysbeth hjar bistel.... Wolmoet droech in
pantsje oan en in foarke en in leppel for de brij. Hy snie syn bargegûd
mei de sulveren knyft, dy-t ’r yn in moai biwirke ské op ’e side hie en
de greatfeint seach ’r stoarjend nei, de blauwe kealleëagen wiid op.

Hwet dy fjouwer minsken tochten ûnder iten, it wie in nuver grienmank.
Seisersum sieten se om ’e tafel, de great- en ’e lytsfeint tochten net,
dy ieten en wierne bliid, do-t it efter de knopen wie en hja gean koene
to terskjen. Dy frjemde kearel derby, hja hiene mar in skalk each op
him, licht woe hy him der wol bisteegje en reagje hjar fen ’t plak. En
Wobbe en Lysbeth en Wolmoet? Hja waerden ho langer ho stilder.... hjar
herte, yn wyld biweech fen blydskip en drôfenis, pakte sa swier mei it
nije en frjemde om, fen dizze dei brocht, det hja hiene gjin lust yn in
ôfwaeid praetsje en diene it swijen der ta, safolle as ’t mar koe,
sûnder each to jaen.

De middei kaem, de moaije fredige winterneimiddei. In winterkeningkje
song yn ’e hagebeam, in lette hin keakele op ’e matte. Klap! klap!
sûzen de flaljeklappen by tiiden.... den wie ’t wer efkes stil en
bigoan de wine to sûzjen. De greate reade hoanne kraeide nou op in
omkearde kroade fen fiktoarje, in stikmennich hinnen stiene ’r
biskieden en stil nei to harkjen. De kâlde wyn boarte in wrede dâns mei
hwet deade ikebledden, sa nou en den dûkele ’r noch ien op ’e snie. Wyt
en krêkerich lei dy der foar, nuver glinsterich fen fûle kjeld dagen
lang oanien. Read en gril sakke de sinne, it blau fen ’e loft wie sa
igael as in djip bergwetter sûnder ien faei steed. Der dreau gjin
wolken, gjin wynfear reepte pylkich yn ’t effene fen ’t stiifspande
blau.

„’t Friest joun wer in stientsje”, sei Wobbe en kroep âldmannich hast
wei yn ’t skurf buffeltsje. Min seach net folle fen him, de holle lyts
ûnder in greate klots, de hânnen yn greate skieppegrouwene wanten, de
meagere skonken yn twa pear wollene hoazzen en de klompen fol strie, hy
like hast gjin minske mear, suver de winter selme mei dy rym yn ’t
bird.

Mar de jonker? Nou foar de wyn ôf oer de Skalkepaden gyngen se en hy
snúfde de hearlike frisse loft op as lodderein! Der wie de geur wer yn
fen Fryslân, eltse beam, dy-t der waeide, eltse fûgel, dy-t der fleach,
elts húske, kipich ûnder syn reiten tek, makke him syn lân wer kenber
en sette ’r it eigene stimpel op fen heitelân. Syn mage wie wer stil en
syn skonken oanstevige en syn jonkheit seach noch de moaije roazereade
gazen fen blide forwachting en hope hingjen om alle ding. ’t Scoe noch
goed komme, alles noch wol. Mar yn eltse tins wie der dochs in sterke
ûndertoan fen langstme nei hûs, sa sterk, det ’r hjir ek al net langer
toeve as bislist nedich wie om hwet út to rêsten en de brieven mei to
krijen. Der wie eat det rôp.... sa rôp yn ’e fierte.

Sa batsten en wâdden hja troch de snie, hy in pear baelders ûnder de
earm en Wobbe mei in âld weinhoep, kwanskwiis om in boadskip to siikjen
by de Hamster smid, mar mear noch, om de jonker bihâlden troch de Ham
to loadsen nei it Kolonelsdjipt. Tomûk seach ’r him efternei.... Der
gyng ’r fearich fen stap op ’e Tille ta en in seinebea wâlle der op yn
syn âld hert for him, dy-t nou miskien yntkoart syn libben weagje scoe
for de goede saek.—

’t Wie stil op ’e mar, gjin minske to sjen fier en nei.... De
ienling-minske yn syn iensumheit biselskippe fen loft en wetter
allinne, kearde ta him sels yn en diich tomûk ris wer in doar op, tige
skoatele lang lyn.... Hy tochte noch ris wer om Anne.... om dy moaije
dei yn ’t Wetterlân.... Ho stil scoe ’t der nou wêze op it iensume
boerehiem fen Jelle boer ho hiel oars as do yn syn simmertoai! En Anne
sels? hwer scoene nou hjar lytse foetsjes hjar sêfte wegen gean? ja
hwerearne mei Popke?—

Ien sprong.... hy wie oer de kiste yn ’e mar, it klotsjende,
roofhymjende wetter deun oan him en in skoftsje letter ried ’r
Birgumerdaem foarby, der se dânsen, det it klapte.

It waerde noch iensumer om him hinne, de jaskers yn rêst, gjin huzen
mear en allinne in inkelde wylgenmoes, kapt en keal, ûntdien fen ’e
pronk fen syn krún, it ienichste markteiken fen ’e minske en syn
biwâld.

As in fjûrreade kûgel hinge de sinne yn ’t Súd-Westen, frjemd en wûndre
moai. In fine dize bispoan de fierte yn in heimsinnich net. As de
mesken in amerij ris hwet wider út inoar gyngen, seach min in boerehûs,
hwer de sinne yette yn ’e glêzen glimke ef yn in opfeart in âld skip
fêst fêrzen. En op it lêst, as yn in gloppe, seach ’r syn sted! syn
dierbere âlde sted! rizen yn ’e fierte! Like ljeaflik as hy se
forlitten hie, wonk se de swerfling ta in blide ynkomste.

Mar nou bigoan ek de swierrichheit en mei in skok bispeurde ’r ynienen
it wicht fen dizze. Alle poarten ticht en by de Túnster wetterpoarte de
poartfeint om nau ta to sjen, as der ek forkearde frachten al
slydtsjend ta de sted yn brocht waerden.

Hy tocht him hast staf. Eltse streek foarút brocht him tichter by ’t
gefaer. Hy ried nou al op Skilkampen yn. De baen wie fage en der kaem
mear folk, sliden en baentsjeriders, jongfolk en sutelers mei
knapkoeken en wiven mei oaljekoeken. It barnde nou op ’e neil, foarút
doarst ’r hast net mear, steanbliûwe koe ek net, den der mar dryst en
greatmoedich op yn.

Sa stoude ’r foart en hope op it lok for de weager. In lange slinger
wie foar him út, wol fjouwer feinten en fammen en hja songene it
heechste liet. Hy seach wol, de manljue hiene in hys, hwent de frouljue
preamkeskouwden, det it hwet diich en hy hie syn aerdichheit oan in
lyts ding, hielendal efteroan. Dy forsette nou suver gjin foet, dy liet
hjar mar glide. It kypske hinge al hwet skean, it sulveren earizerke
glinstere, in hiel lyts smel streekje. En út de swarte omslagdoek kaem
in fyn wyt halske.

De hiele smite bleau stean yn ’e lijte fen ’e pelmounle en elkmis krige
in kûmfol sealjemôlke for in sint: Ryklef Ripperda koft ek for in sint
en mei ien lodderich knypeachje forstiene it famke fen ’t swart kypske
en hy inoar.... en do-t it jongfolk wer foart ried, pakte ’r it hantsje
beet, det him hiel willich nimme liet en skoude op.

„Ha wy help?” hime de foarman.

„Nou!” sei de twadde en de waerme triûkjes fen ’t lyts famke foar him
makken Ripperda waerm en dryst yn alle lijen en kjeld.

Sa sûzen se it Fliet lâns, oer barsten en skûrren as ’t neat wie.... De
frouljue geiden fen wille en de manljue songene:

    „Soete lieve peperkoek
    Kussen is geen sonde!
    Geef m’ een blozend meiske fijn,
    Geef m’ een maatje brandewijn,
    En ik dâns de ronde
    Met de soete liefste mijn,
    Die mijn hartebloem wil sijn!”

Der skimere de Túnsterpoarte. De poartwachter hinge ta ’t finster út,
syn âlde gichemertseagen loerden fel nei ’t jongfolk. Ald sûrpripper
hate ’r alles, hwet nei freugde en plaisier aerde en hy sloech mei in
klets syn finster ticht. Dy jeugd fen tsjinwirdich, wyldsang en
mâllens! Yn syn tiid wie ’t oars.

Under de poarte stie Simen, de poartfeint, in greate, grille lantearne
yn hânnen. Ryklef syn hân trille efkes. ’t Gefaer.... de dea deun by
him.... roerend oan him.... Yn in kramp fen eangstme knypte ’r it
waerme hantsje fen syn famke.

„Ek slûkwaer?” frege Simen en hâldde syn lantearne heech. Hy koe se
allegear wol en glimke.

„Dy wolstû wol ha, mar dy krigeste net”, songene se wer en raemden
oerdwealsk op him yn. De lantearne rekke út en Simen sprong út ’e wei
en hja laeitsjend foart, de Tunen del en de drokke baen fen ’e
Foarstreek op. De greep fen Ryklef waerde al losser en losser yn ’t
gewoel.... hja mirken ’t net iens, det ’r by hjar wei gyng, allinne it
famke seach efkes om. Hwer bleau hjar aerdige maet?

’t Wie tsjuster waen yn ’e twiskentiid en stil op ’e striette, hwent it
waerde tiid for de jounbrogge en alle ljue binnedoar. Kniep it wer net
finnich oan?

Hy ried nou stadich ûnder de piip troch en draeide de Ie op, it hiele
smelle farwetterke, hwer nou gjin skippen leine en allinne de
bernebaentsjes wierne. Suver útstoarn wie ’t hjir.... hy fielde yn
dizze stiltme de feilichheit nei ’t gefaer. O dy ljeave stille, smelle
Ie! ho faken hie hy as jonge der net op boatsjefard ef by sitten to
fiskjen op bearskes ef binnebot en noait! noait, tinke kind, op hokker
wûndere oare menear hja him ek noch ris fen profyt wêze kinne scoe!

By in tsiispakhús, mei stiennen treppen delstap oan dizze drokke feart,
boun hy him der ôf en do mei staesje troch steechjes en strietsjes op
hûs yn.... Yn al de freugde fen syn hert jage ’r in eangstme him, hwer
hy gjin reden for fine koe. Hy hie syn moed net, selst nou net, nou
alles sa goed slagge wie en syn wegen sûnder ien tsjinstuit feilich
roanen nei it heitehûs....

Regnerus Ripperda sloech it boek ticht, der hy yn sitten hie to lêzen
en eage nei de hoeke fen ’e smoute binnekeamer, hwer syn wiif lei yn it
ledikant, hiel stil, gjin forweech mear fen de meagere, kliene
fingerkes. Ho faken hie hy se hjoed net yn syn waerme greate knusten
hâlden, om se ek mar waerm to krijen, hja wierne sa kâld, sa kâld!
krekt as floeide der stadichoan alle bloed út. Dy ljeave lytse
fingerkes, ho lang kende hy se al! ho faek wierne se net kûstere fen
him! hwet hiene se net for him biskript yn in togearre-wêzen fen acht
en fjirtich jier! En nou hiel yntkoart, den soargen se net mear, den
waerden se ôfbrûkt ark, min garret it yn in kûle, dy-t min grêf neamt.

Hy bûgde syn holle foardel.... Regnerus Ripperda skriemde. Hy koe nou
ien amerij himsels wêze.... Doedte wie sont jister op forsyk fen doctor
Falentijn útfenhûs by Elske Baerdt.... hy koe nou it leed ûnder de
eagen sjen. En hy wist, it scoe freeslik wêze, hwet him nou to
wachtsjen stie. In stream fen ellinde scoe ’t wêze, dy-t him
forswolchje en miskien wol mei yn ’e bidelte slingerje scoe, hwent hy
wie ommers ek âld en it libben sûnder Hanne like him ta in wei to
wêzen, tsjuster en lang....

Minne Pjirkes kaem yn, in koerfol houtsjes ûnder de earm en snute de
kjersen. Hy seach bidrukt fen de iene op de oare en tocht om fen
middei, de siike sa roerich en onrêstich en det getipel mei de lekkens,
hwet hie ’t him oangriisd! en nou dizze stiltme, swier as in stik
lead.... En hy sette stil-wei in brochje foar minheare del. Dy hie sont
fen ’e moarn noch neat trochkrije kind.

O it hie sa ’n slimme dei west en nou de lange nacht! Doctor Falentijn
scoe noch komme en minhear Baerdt en syn wiif en âlde minhear
Falentijn, dy scoe wekje mei minheare. En mei de trouwe soarch fen de
âld gediende diich ’r in nije koal yn ’e plaetstove en lei twa pakken
kjersen op ’e skoarstienmantel, hwer it moaije forgulde
sinnependúltsje, der de frou sa wiis mei wie, omt se ’r de berteûre fen
al hjar bern op ôflêzen hie, krekt fiif ûre sloech.

„Regnerus!” rôp mefrou Ripperda ynienen en fleach rjucht oerein.

Mei in pear stappen wie hy by hjar en hâlde se sêft yn ’e earms. „Hwet
is der oan?”

„Ik....” hime se.... „ik hear.... de stap fen myn jonge.... myn
jonge.... O Ryklef!” en hja foel werom op bêd, yn ’e eagen noch de
wjerskyn fen blydskip. „De doar fen.... ’e steech.... op.... wiid op,
det ’r ynkomme kin,” flustere se.

En mei tsjinsin gyng ’r nei de gong en hjitte Minne Pjirkes om ’e
gongsdoar op to setten en ’e efterdoar en ’e útdoar nei de Bûnte
Bargesteech.

Hja hearde it en lei nou wer stil, it forfallene âldwyfke kopke
hielendal skean op it kjessen mei ’t gesicht op ’e keamersdoar. De
wangkjes sa biklonken en de eagen sa frjemd wûnderlik, Regnerus
Ripperda bispeurde ’r kenber al it mark op, hwer in frjemde, wrede gast
elts minske ienkear yn syn libben mei teikent. En hy biet him op ’e
tosken, om syn ellinde net útskreauwe to hoegen. Den machteleas to
stean! den net fechte to kinnen tsjin dizze geweldener!

Ynienen.... syn hert stie hast stil. Der wie it, it frjemde, it
bjusterbaerlike. Hy hearde ek it lûd fen hastige stappen fierôf yn ’e
hûs, it slaen fen ’e doarren, Minne syn bliid lûd, it oanslaen fen ’e
houn, al tichterby de stappen.... yn ’e foargong.... nou deun by
him....

En do in breed great skaed foar ’t bêd, mei alle gewelt it lytse
figuerke kearende, det der ôf woe en him nou yn ’e earms hinge.... In
skynseltsje fen alear.... in triljend swak skynseltsje.

„O myn jonge.... lytse jonge....” hearde ’r hjar snokkerjen. En do....
in stiltme, in blide sêdde stiltme.

Hy gyng der stil út. Hy hie syn wiif to ljeaf, om hjar dizze lêste
freugde op ierde net allinne to ginnen en hy joech him teantsjende ôf
nei syn opkeammerke ta, hwer ’r syn boeken en munten hie en skouwde in
greate stoel by ’t fjûr en lies de post, dy op ’e tafel lei al sont in
lyts wike en hwer hy noch net in each op slein hie.

Lokkich, ’t wie net folle sûnders. In pear brieven fen lânhierders en
ien fen in húsman, dy-t wol hwet jild ha woe for in nij steedtsje en
ien fen master Marten Joukes fen Driesum. Dy stiek ’r hânsum yn ’e bûs,
om joun let to lêzen as minhear Baerdt der ek wie. De syktme fen syn
wiif lei sa it near op alles, det selst de pollityk rekke op ’e
eftergroun. Hy koe him net mei soks bimoije, nou-t hja der hjar slimme
stryd oan ’t striden wie en hy neat foar hjar weinimme koe.... Hwet
hiene se togearre al net mei inoar trochmakke, trochwraksele sims,
inoar moed ynspritsen, as it leed sims hast oan ’e lippen ta stie en
togearre ek de freugden dield, dy-t houlik en de bern hjar ek sa ryklik
joegen. En faken, den hiene se ek togearre bidden.... Dy greate
binnekeamer, fier fen alle gewoel ôf, mei syn hege koekkoek, der in
stikje fen ’e loft to sjen wie ef sims in inkelde stjer, der hiene se
hjar eigentlyk libben yn libbe.... hjar ynderlik libben.... sims yn it
deisgewoel forside krûpt as in skruten bern, mar jouns, as de frede
kaem, makke it him namstomear kenber en leine se hjar sielen foar inoar
bleat as guont, dy gjin geheimen for inoar ha, mar frank en frij as man
en wiif inoar yn leed en wille tige nei bistanne.

Hiel sunich teante ’r troch de gong en harke oan de keamersdoar nei it
swiere, woldwaende lûd fen syn jonge. Ho ’n hearlikheit! ho ’n
treasting! krekt nou ’t hy him sa fenneden hie!

Der leine syn redens noch yn in hoeke fen ’e gong en de jachthoun
snuffele al op syn knapsekje om en haffele oan ’e strûp, om dy troch to
krijen. Syn skrandere eagen loerden skean nei de baes, as ’r ek kibjen
krije scoe. Mar dy seach yn ’e oarre-wei, hie syn stúdzje by hiele oare
dingen en tocht net om syn frjeonke en syn boarterij. Stadich gyng ’r
werom en nei de koken ta en hjitte Minne Pjirkes en ’e fammen it
stilswijen oer ’e jonker syn komste. Hja nikten, nimmen scoe ea in wird
út hjar krije, der koe minheare op oan en hy stjûrde Minne mei in
boadskip nei minhear Baerdt. En det wie in nuver boadskip, hwent Minne
hoechde neat oars to sizzen, as det ’r Lukas 15: fers 24 foartdaedliken
lêze moast. „En dû neamst noait derre in namme—ik warskôgje dy.... it
scoe de dea fen myn bern wêze kinne. De mûrren ha earen tsjinwirdich.”

En do koe hy it net langer daeije, hy moast en woe ek it genot ha fen
’t sjen fen syn jonge. En mei lange stappen kaem ’r op him ta en
biseach him op en del, syn bern.... syn dierber bern.... En hy loek him
nei ’t ljocht fen ’e kjers ta en striek him de krollen fen ’e foarholle
en seach him djip yn ’e eagen, hifkjende, soarchjende wei, o sa fol
noed. Ho krige ’r him wer thús? hoechde ’r syn eagen net foardel to
slaen foar dy fen syn âlde heit?

„Is ’t mei God en mei eare, detst hjir wer biste, jonge?”

„Det is ’t, heit,” klonk it der foars en lûd oerhinne út syn mûle.
Einliks fierst to lûd for in siikekeamer, mar hy diich ’t willemoeds.
Mem moast en scoe it hearre, dit tawird op dizze fraech.

En mem hearde ’t. Hja forheuvele hjar in bytsje en siet rjucht oerein
op bêd en seach nei de beide minsken, hjar it ljeafst op ierde en hjar
eagen, al omskimere fen in fine frjemde dize, as dânsen der tûzenen
michjes foar hjar om, stoarren stiif nei de kroeze brune holle fen hjar
jonge yn syn ienfâldich skippershabyt. En as in fisioen gyng ’t hjar
foarby, ho-t hy der nêst in set noch stien hie yn syn kleurige unifoarm
fen prinselike rutersman en de lange dagen fen it wachtsjen kamen hjar
foar de geest, de langen, de o sa langen....

Nou wie it allegearre dien, det wachtsjen ek.... Stadich sonk der in
nuvere rêst oer hjar hiele wezen, hja fielde hjar foetten dôf en kâld
wirden en hjar foarholle, der kobbele it klamme swit op. Hja woe hjar
noch nei de mûrre ta draeije en foel oerside op ’t kjessen del.

„Mem!” kriet Ryklef.... o memke!” Mei ien sprong wie ’r wer by hjar, de
earms om hjar hinne, de holle deun tsjin hjar oan. It teare lichemke
skokte noch in pear kear op en del, do ien lange syke.... hy wist it,
dit wie de ein.... En hy bigroef de holle yn ’e tekkens fen ’t bêd, om
it lûd fen syn snokken to smoaren....

Minhear Baerdt kaem dy joune en bleau de nachts, sei ’r en in set
letter kaem doctor Falentijn en syn komste allinne wie al in greate
treast. Hy bioardere âlde Ripperda op bêd en folgens bistel fen mefrou
Ripperda sels kamen mefrou Baerdt en mefrou de Witt en âlde Betteke út
it gasthús en leine se ôf. En do-t det alles foarby wie en de frjemde
stiltme fen in deade yn ’e hûs hjar kenber makke, kaem syn heit en
minhear Baerdt en mei hjar trijen wekken se mei Ryklef en wierne him ta
treast.

De oare middei, hast al tsjin de joun, ûndernaem mefrou Falentijn de
reis nei it hûs fen ’e Ripperda’s. It wie hast gjin waer, de strietten
onbigeanber fenwegen de snie en ’e kwalster en it snijde mei fine
flokken aloan en alwei. Sadwaende waerde se mei de greate sleep brocht
en der it boppestel fen it draechkoetske op. It waerde in slim eindsje
riden.

Freark fen minhear Falentijn hie de hânnen fol mei de hynsders, dy-t
der in hys oan krije scoene, foaral by de gledde pipen op en twa fen ’e
sterkste feinten fen Falentijn, Hjarke Ljimmes en Jan fen Proaijen,
hâldden elts oan in efterkant de draechhouten fêst, om it net kantelje
to litten. It siet oars fêst mei swiere izeren bouten yn stevige
pingatten en der wie forwrikken noch forwegen oan, mar min koe ’t net
witte.... En oare dingen koe min ek net witte....

François Falentijn, lyts en griis yn ’e kjeld, stie yn ’e útdoar en
seach de staesje efternei, do-t se fen ein set wie en nou wrottende wei
in paed sochte troch de snie. Hy wist der Pronica yn, de greate
skoudermantel fen hamsterbûnt om en in dikke swarte doek om ’e holle.
En hy wiste Jehannes neist hjar, stil en evenredich as altyd, miskien
wol syn hân yn hjarres.... En hy wist fen in tins, hwer hja nou
allebeide alhiel fen yn bislach naem waerden en it wie net mear om de
dea fen mefrou Ripperda, hwer hja om tochten.... De libbenen fregen om
oanpart yn hjar noed....

En Falentijn, de bidaerde minhear Falentijn syn hert siddere fen
eangstme, nou ’t ’r der goed ynkaem. Mar hwet docht in mem net for hjar
bern? Hy wist, as ’t moast, den scoe Proan for hjar soan, doctor
Jehannes Falentijn yn ’e dead gean wolle mei blydskip! for him en
Doedte Ripperda. En nou dit diich se ek mei blydskip.... hja hinge der
net tsjin oan, gjin amerijke. Ho koe ’r syn ljeave goede Proan der ek
wer yn.... Hwet in rike seine wie him jown yn dit wiif....!

En hy tochte om ’e skieding fen ’e dea, der yn it greate hûs fen ’e
Ripperda’s. Sa scoe ’t ek ienkear mei hjar komme, ien waerde de earste
en de oare scoe der ek sa stean en sjogge de poarte tichtfallen en syn
ljeafs foartgean en stiene der allinne foar to klopjen. En nimmen diich
op en de geande gyng al fierder en fierder foart....

Sa yn ’e prakkesaesje wei seach ’r de sleep by de Piip op gean en der
wer by del en do in smel strietsje yndraeijen. Skoaljonges snieballen
him efternei, ien rekke de swarte klots fen Jan fen Proaijen en barste
der út inoar. Twa huzaren seagen it en joegen de jonges in wan op ’e
hûd, det ’r net om liichde, mar fiks fen rjuchts op lofts.

Hja sloegen oan, do-t se troch ’t gleske Proan en Jehannes seagen,
tocht him en gyngen do hjar gong, de hege learzens batsjende troch de
snie, de berefellene mûtsen oer ’e eagen. Forlittener as sa ’n dei fen
felle froast en snie wie de sted nea. Dy-t net nedich moast, joech him
net op in paed, sa om fjouweren hinne yn ’e winnende skimerjoun wie de
sted suver útstoarn, der hielendal gjin minsken mear, selst gjin houn
noch kat.

En dy tiid binuttige mefrou Falentijn om werom to kommen. Jehannes siet
net wer neist hjar. En hja wie dochs net allinne....

Trije dagen letter, in moaije sinneskyn winterdei, waerde mefrou
Ripperda to hôf brocht en bigroeven yn ’e Greate Tsjerke yn ’e
koarsein. Alle klokken fen ’e sted letten ta eare fen de deade en in
lange rige fen ryk en earm folge hjar nei. Nou diich it yetteris
bliken, ho heech de Ripperda’s yn oansjen stiene by de aristocratie en
it folk. Fen allebeide hiene se de ljeafde.—

Ryklef Ripperda seach se troch it dakfinster by minhear Falentijn it
Breed fen ’e Nijested lâns gean, de lange swarte staesje de wite wei
lâns. De measte lûken fen ’e huzen wierne ticht en do-t se by de
soosjeteit kamen, presenteare de skildwacht it gewear.

Stadich draeide de swarte slinger, hy seach se fierder gean oer it
pypke, de Sint Japiksstriette yn.... En einliks de lêsten, de
alderlêsten.... Hy snokte bitterlyk....

Wol fiif spionnen strúnden yn dy dagen om it hûs fen Ripperda en de
wacht by de poarten hie syn alderstrangste oarders.... Mar dy Ripperda,
dy gledde fûgel, kaem net thús. Dy bleau forsjille. Dea, sei in
inkelden ien, forlit yn ’e frjemdte, miende in oar to witten, op ’e
doele rekke mei in Sigeunerwiif, brocht in tredden-ien fol spot ûnder
de minsken en det wie ’t, hwet monsieur Poppéus fen Rhé syn wiif Anne
op in joun as in nijtsje fortelde. Hja siet to lêzen yn in boek en ho
skerp as ’r ek taseach, hy markbite gjin foroaring yn hjar antlit....
It wie yn syn slutenheit fen sa ’n reine, suvere ljeaflikens, det ’r
oanstryd krige om der mei ien fen syn skerpe neilen in skram yn to
klauwen en ’t to skeinen.... Om se jammerjen to hearren.... en him to
smeken om op to hâlden....

Det scoe minselik wêze.... mar dit.... O ho hate ’r dit iiskâlde panser
fen ’e aristocrate, hwer hy him altyd noch in lyts boargerman by
fielde. Nea scoe se him tastean, to kliûwen yn hjar sfear, for him
wierne de krûmmeltsjes ornearre, for in oaren ien de rike, hearlike
folle byt, loksillich fen goederjowskens jown. Mûltergjend hie ’t der
ticht oan ta west, mar hy hie ’t dochs woan. Kâld gnyskjend tocht ’r
noch ris om dy dagen en it opwinend geniet fen dy stryd.

Hy stie foar de spegel en striek mei de wite plodsige hân oer syn lang
hier. It hinge him suver yn ’e nekke en it makke him somtiden ta in
oanfluiting fen ’e ondogense stedsjonges. „Skareslyp, de skjirre is
stomp”, raesden se den, as hy yn al de gloarje fen syn lange rôk mei
gouden knopen, syn hege hoed en syn stok mei goudene knop foarby gyng.

En op in goede dei, do forfeelde him det. Optheden krekt op dit stuit,
kaem ’t him wer yn ’t sin. Nuver. Hy gnyske der efkes om en biseach him
sels wolgefallich yn it kleare glês.

En tochte der wer om.... It hie him sa forfeeld, det op in goede dei
liet ’r in pear jonges oppakke en yn ’t hounegat smite en der
traktearje op tsjien swypslaggen elts....

Sont hearde min nea mear fen skareslyp en as de jonges him mar seagen,
dûkten se hjar al, naeiden út mei de klompen yn ’e hân.—

Mar de heiten ballen de fûsten, it scoe him sûr opbrekke, ûnthjitten
hja. Hy hie twa fijannen mear. En ien fen dy wie Haeije Trompetter.




VIII.


Alde minhear fen Rhé siet yn in greate briedstoel foar ’t fjûr en syn
soan, de man fen Ljouwert, monsieur Poppéus de Rhé, stie foar him, de
iene hân loai-wei op ’e skoarstienmantelsteunder, in karyatide fen
roazekleurich moarmer, in moai fanke foarstellende en de oare oan ’e
lange pipe, der hy halen út diich, det min koe suver de reek snije.

Hy wie der net steviger op waen yn e lêste tiiden, monsieur Poppéus. It
wie allegear noch like slop en weak, min scoe sa sizze, as min him in
goede triûw joech, den bleau de dobbe wol yn ’t fleis stean. Syn
bleekblaue eagen hjar loaitsen sprieken nóch fen libbensnocht nóch fen
sterkwillichheit, wykten en loerden wol alle kanten út, mar wierne
dochs nea ûnder de slach to krijen, fierst to ongedurich as se wierne,
dy loaitsen út de eagen fen monsieur Poppéus en altyd op ’e strún nei
forhoalen hearlikheden.

Syn bleekblond hier hinge him fier oer ’e kraech fen ’e jas,
wynkleurich by ’t feletten om ôf en fen ’t aldernijmoadrigst fetsoen,
hwer dy fen Andersen selst noch âlderwetsk by wierne. In greate sidene
bûsdoek bongele him út de iene bûs en de oare stie wiid út fen ’e
brieven en ditten en detten, der trou en feilich biwarre. En der wierne
ek wol dingen by, dy-t heit net iens sjen mochte.

Alde minhear fen Rhé moast nou einliks greatsk wêze op syn soan, mar
och! hy wie it net, der miskearre noch al gâns oan. Mei skrippen en
skûrren, bikoessemoezjen en hânstopjen mei steapels goudgounen út Anne
hjar breidskat, dy-t aldergeloks tafoel en in tsjientûzen goudgoune
bidroech, bineffens it brûken fen ’e fruchten fen in sate op ’e Lytse
Jouwer, hiene se him fen it iene baentsje nei it oare, bettere hyst. ’t
Spande sims danich en krige hy der wol ris in opstapper op ta, mar
habben is habben en krijen is kinst. Nou wie Poppéus den, hwer ’r wêze
moast nei heite ynsicht en nou stiek ’r de hoarnen yn ’e wâl en liet
roasje soarchje en syn âlde heit mei de saken oanpiele. As ’r koe,
pykte ’r út nei Amsterdam en hy wist mar al to goed, hwer Poppéus hinne
gyng as jouns de kjersen flau bigoanen to barnen en de lûken fen ’e
greateljueshuzen oan ’e Hearegreft ticht set waerden op ’e pin. Op dy
Hearegreft by de Leidskestriette wenne nou dy aerdige leidige madame
Levoissier mei hjar trije dochters.... der hie hy wakker de rin, sei
min. En fen ’t simmer hie me dy trijekaert fen dochters hjir útfenhûze
ek by sa ’n snueshaen fen in útlanner, in luitenant fen it peerdefolk
en Anne hie net sa goed west, as hja hie hjar der in joune forsykje
moatten, de hiele santepetryk fen jonge luitenants en hjar frouljue en
fammen en Poppéus yn ’t foarmidden fensels, slap en kâld as altyd, mar
as in oun fol fjûr fen binnen. En hy koe sok slach fen stillen
goedernôch, om to witten, ienkear den sloech de lôge nei bûten ta út en
scoe ’t in skandael wirde. En derom bisochte ’r, yetteris de jageline
to pakken en Poppéus to stjûren, hwer hy him ha woe.

Hy diich it for syn âlde, onbismodzke namme, hy diich it for Anne en
syn bernsbern, syn lytse ginaemd aldermeast noch. Hwer kaem dy
forkearde oast yn syn jonge dochs wei? suchte ’r wrokjende. Hie ’r net
alles nei syn bigear? En hy seach de keamer ris yn ’t roun, hast in
seal wie ’r mei syn fjouwer finsters—en hwet wie ’r ryk opsierd troch
syn bisniene, mei goud ôfsette panélen op doarren en blinen, syn
skildere bihang, de jiergetiden foarstellende, syn skoarstienmantel fen
it prachtigste bleekreade moarmer, syn kostlik dik kleed op ’e groun,
hwer de foetten yn weisonken! Troch it skimerige ljocht fen ’e kjersen
op ’e skoarstienmantel wie ’t allegear sa eigen, sa húslik, det in
minske moast him hjir wol nei wenjen sette kinne, tocht him.

En ’t moaijste wiif fen Ljouwert wie folgens de hjitting de jonge
mefrou fen Rhé. En it bêste baentsje, det fen thesaurier général oer
hiele Fryslân, det hie monsieur Poppéus de Rhé, waerd der sein. Hy hie
it to tankjen oan in heldere tins yn syn heite breinkasse op in goede
joun. En hwet hy sei, wie nou wet nei it gedobbel om ’e macht
langlêsten. As goed Jacobijn woe ’r oan ’t roer, alhiel baes wêze, lyk
as ’r det syn libbensdagen al winske hie, autocraet yn mark en bonken
en Moreau en hy spilen ûnder ien hoed, do-t dy mei syn hiele militaire
macht foart triek en hy ketsjerûmte krige, it âlde regear foartjage en
himsels op ’t stoeltsje sette. Hwet ’r sa lang yn hinge hie, makke hy,
det syn bislach krige: hy twong de Friezen, om ta to stimmen en ek mei
to dwaen oan ’e Konventie. Hy glimke efkes smoutwei yn himsels: krekt
dy toarne út ’e foet en hy in plûmke fen ’t hege regear fen ’e Haech,
do kaem dy forjage kliber werom en scoene him ek kopketûmmelje litte,
mar o hy hie en hâldde alle triedden noch yn hânnen, om syn marionetten
dânsje to litten! yetteris spile Moreau mei al syn folk de wyk en hy
waerd’ en bleau yetteris baes! Hy hie de tosken op inoar set.... hy
woe... en mei dy syn sterke wil dreau ’r se, hwer hy se mar ha woe! En
lyts hâlde scoe hy se.... hja scoene krûpe allegear mei inoar!

Dizze reboelje wie yn Selle as in twirre oer him hinne strûzt en hie
him de haet fen tûzenen en de frjeonskip fen inkelen, ûnder dy Koert
fen Beijma bisoarge. Dizze, in gleon patriot, scoe den einliks Fryslân
fortsjinwirdigje yn ’e Haech.... en Poppéus, ja Poppéus, scoe der grif
side by spinne, hwent hie syn heit Fryslân, det sa lang tsjinabbeleare
hie en de hiele boel der yn Hollân tsjinkeard! nou einliks net sa fier
krige, det se as nuete skiep selst op ’e skearder ta kamen. En de
Bataefske Republyk leane goed, dy-t hjar goed en trou tsjinnen, det
wist ’r.

Mar nou moast der jild komme, hwent stie Fryslân, ryk en sûnder skild,
nou net mei yn for de skilden fen Hollân? Syn onôfhankelikens wie ’t
kwyt.... it wie gjin lân mear op himsels, allinne in provinsje, al wie
syn folk den ek sa greatsk as in pau en joech him mar kwalik del ûnder
’t nije gesach. Det koste millioenen. It âlde hiene se hast om ’e nocht
hawn, blykte nou.... sunich by ’t waltsje lâns leine der yn steds- en
gemeintekas slompen oersparre jild. Der liet ’r fensels bislach op
lizze. Hwer earne yn ’e wrâld easkje de nije hearen net de folle
pongen? Det ’s ommers de earste oerwinningsfreugd!

Al gaueftich wie dit saed ek wer forsânne en hy hie him hast wer suf
prakkesearje moatten om nije bilêstings út to finen, wylst Poppéus in
fidibus draeide fen syn siferbriefkes en der in nije piip mei oanstiek.
Heit scoe wol wer in útwei fine, hie hy koel sei en heit, âld rot,
gewiksten útpluzer op rjuchte en sydwegen, foun dy al moi gau.

Der gyng in skreau fen ontsetting op yn Fryslân, do-t min fen dit nije
plan hearde en hy gniisde. Scoene de tsjerken oanrand wirde, it dierber
bisit fen ’e frommen? En de doomné’s ôfset? En de tsjerkegoederen
forkoft?

De godshuzen streamen fol, de doomné’s diene alle war, it folk yn ’t
stjûr to hâlden en hjar foar alles yn to printsjen, hwet der ek barde,
it wie Gods wil, ek dizze saek. Hy hearde der fen, in fyn kâldgnyske
krolde om syn lippen. Ho spartelen se, dy frommen as in fette fisk yn
’t net! Der wie gjin ûntkommen oan en mei in stevige streek skreau ’r
de nije wet,[1] lei se foar oan ’e representanten en syn soan. Sleauwei
hie Poppéus der syn namme ek ûnder set en alhowol de measten der foar
wierne út oertsjûging ef freez, det koe him neat skille, kaem der ien
opponent foar ’t ljocht, dy Daem Fockema, dy aep fen in jonge. Hy achte
de saek net rjucht, liet ’r him witte en hy warskôge for de gefolgen.
Hwet wist me sa ’n mûlryp feintsje noch fen soks? Scoe dy him, al lang
yn ’t sâlt bibiten, warskôgje? Hwer for en hwer om?

 [1] Folgens dy nije wet moasten tsjerken, weeshuzen en gasthuzen 1/3
 fen hjar bisit forkeapje en det jild oan ’t lân ôfstean.

Dy-t preekje woe, koe wol in lokael hiere en dy-t sjonge en bidde
woene, diene det mar yn hjar eigen hûs. Den koste it neat en scoe wol
like folle helpe,—hie hy laeitsjend sei. „Wy dogge it der ek wol
sûnder, nou?” Poppéus hie flau oandraeid nikt, hy siet mei niget to
lêzen yn ’e Decamerone en biseach de moaije printsjes en liet heit mar
skrippe en wrotte.

It hie me in opskûr jown yn Fryslân fen hwer bin jo my, do-t it earste
jild ynfoardere waerd en op heite oanstean hie Poppéus in skoft yn
Brussel tahâlden. Hy woe syn jonge, de thesaurier général, net dea
ha.... in rút ef hwet stikken yn ’e hûs, det mocht noch hinne bruije.

Mar einliks bilune de stoarm en bigoan it jild moai dripkjende wei
binnen to kommen. It gyng stadich, mar de bêste saden binne de
bûrrelders, net de spuiters, den is ’t gau dien en de tsjerkfâlden en
de gasthús- en weesfâlden hingen oan ’t jild as tiken oan ’e wolle. It
mes waerd hjar sa op ’e kiel set, det hja moasten einliks wol en hy
wreau him yn ’e hânnen, dizze útfining bisloech boppest bêst, Ljouwert
wie for gâns in set út ’e jildkrapte en hy soarge wol, det Poppéus eard
waerde as de gnappe rekkenmaster, dy-t dit plan úttocht hie. Hy sels
bleau efter de skermen en hie syn wille.

Mar ’t is net lang sinneskyn, as der komt wer in bui en nou siet ’r wer
yn noed en soarch om dy jonge. Dit woe ’r net en det woe ’r net en as
’r al hwet diich, roan ’t altyd op skea út ef hy sette himsels op in
nuvere menear fêst. Krekt as wierne syn tinsen altyd op ’e doele.—

Sá tocht d’ âld man en koe syn soan der hast om hate. It hekke al gau
ris mei hjar yn ’e lêste tiid, sa ’s nou hjoed ek wer. En den socht ’r
syn hael by Anne en de lytse poppe. It moaije wiif fen syn soan, hjar
ljeaf antlit mei syn sêftreade wangen en blierkjende heldere eagen, de
gutigens fen it mûltsje en ’e dertenens fen de dobkes yn dy wangen, it
wie him in eachweiding, as hy it ris wer seach, de ginaemd
spinfoetsjend op ’e skoat en syn lytse fingerkes lûkend oan ’e krollen
fen hjar glanzich hier.

Hy forstie hjar better as syn soan it eigen wiif en Anne, o hja roan
heech mei pake! sa ’s se him altyd, it ljeave sêfte lûd ien strieling,
neamde. Pake wie hjar bounnoat, hjar help en hjar stipe yn mennich
ding. Mem stie ’r alhiel bûten, foaral nou se hjar yn in twadde trou
bijown hie mei hjar fâld. En as Anne om dy dagen tochte, den suchte se.
Hja hie hjar it libben ek oars winske, as it kaem wie. It wie allegear
sa deagewoan, it libben in forfeelsum karwei, om trochhinne to
arbeidzjen nei de ein. Hiel djip yn hjar hert fielde se hjar altyd noch
de aristocrate, dy-t hjar delbûgt nei de boargerman, al is ’r ek noch
sa ryk en yn oansjen as de fen Rhé’s en by tiiden, as se in min sin
hie, liet se it net, om him ris in gefoelige ealjebij’s prip to jaen.
Den glimke hy fyntsjes en liet it by him delglide as wetter by in iel.
Ljeaver sa ’n ien ta skoandochter, der fjûr yn siet as in sleau tutsje,
dy der net iens in eigen oardiel op neihâlde.

Ynienen krige hy der sin oan, nou foartdaedlik ris efkes by hjar to
sjen. Poppéus syn stúmjend selskip wie net folle oan.

„Giest mei nei ús jongfolk?” frege ’r, wylt ’r de piip delsette yn ’e
stander.

Poppéus bromde hwet. It sinnige him net, hearde ’r wol. Hy loek de jas
rjucht, sprinkele hwet lodderein op ’e klean en skouwde de prûk in
bytsje út de eagen. Efkes riboske ’r, do-t ’r út de waerme keamer kaem,
it loek kâld yn ’e gong, al skynde de sinne maitiidseftich en wierne de
dagen moai oan ’t winnen.

Der bigoan me ynienen de âlde spylklok yn ’e gong to spyljen, skel,
gekjeijende wei mei hege trillerige lûdtsjes en syn âld wyske brocht yn
in omsjoch in libben fen fleur en ljocht yn ’t healtsjuster fen ’e
brede gong. Tra.... lá!.... tra.... lá!.... tra.... lá! gyng it, in âld
ruterkeliet foar hûndert jier nij en neisongen troch in jonkheit fen
do. De popkes boppe yn ’e wizerplaet niichden en bûgden, de boatsjes op
’e frjemdblaue wetters skommelen, de triedtsjes fen it touwirk trillen
en wynderen, suver as blies der in wyntwirre fen ’t forline yn ’e
seilen. Heech en skel song de klok troch, ta twa kear ta itselde âlde,
wufte, ljeave, dertene deuntsje. Do waerde it ynienen deastil.... de
klok sloech fol, fjouwer ûre.

De hânnen yn ’e bûs, de skrandere eagen heal tichtknypt, sa stie âlde
fen Rhé der nei to sjen en formakke him der mei, ho-t de boatsjes noch
altyd skommelen en it wiiske fen ’e klok noch itselde wie, as do hy him
as lytse jonge for ’t earst hearde yn syn heite hûs. En nou hearde syn
bernsbern him al sa, lytse Henricus fen Rhé. Mei hasten stapte ’r nei
de túnkeamer ta en diich sunich de doar op. Hwet ’r do seach, wie suver
in skilderij.

Foar ’t finster yn ’t grille ljocht stie de lytse boi, in hege steek op
fen swart sitspompier, in kwast fen útraffele en útpluze fjûrread sajet
der foar op, in lange jageline fen pypstallen en reade lapkes om ’e mil
oer ’e liebân, in great swird fen goudpompier op ’e side. En Anne yn
hjar sidene staesjejurk der efteroan en dy mende him en hja songene it
heechste liet togearre fen „De Peerdeman”:

    Paardje, vlieg maar in galop,
        Hop! hop! hop!
    Huizen, boomen, vliegensvlug,
    Zie ’k zoo glijden op je rug.
        Hop! hop! hop!

    Paardje, vlieg maar in galop,
        Hop! hop! hop!
    Ren als ’t haasje zoo gezwind,
    Dat ik vaders huisje vind,
        Hop! hop! hop!

    Paardje, vlieg maar in galop,
        Hop! hop! hop!
    Nu rijd ik je naar den stal,
    Ruik je daar de haver al?
        Hop! hop! hop!

    Paardje, wil nu stille staan,
        Sta! sta! stil!
    Straks wil ’k wel weer spelen gaan,
    Maar na rijden komt eerst staan,
        Sta! sta! stil!—

En de lytse beuker stie by it lêste ferske as in mûske yn ’e hoeke fen
’e keamer, de skonkjes kutich ticht oan inoar en de earmkes rjucht by
’t lyfke del en Anne der sjongende foar mei hjar ljeaf lûd al mar
herheljend: Straks wil ’k wel weer spelen gaan, maar na rijden komt
eerst staan. Sta.... sta.... stil....

En by ’t lêste stil krige se hjar lytse poppe op en treau him al
tútsjend tsjin hjar oan, wol twa, trijeris. De steek rekke der by ôf en
de kroltsjes kamen foar ’t ljocht, sêfte blonden as hjarres. En pake
rekke sa foreale op dy twa, det hy stoude ta de keamer yn en biflapte
se allebeide tagelyk yn syn earms. Lytse Henricus kraeide ’t út fen
plesier en Anne glimke hjar ljeafste glimke en troaide him mei nei de
hoeke fen ’e keamer, hwer de thé klear stie op de greate roune tafel.
En hy sette Henricus op syn knibbel en bigoan fen ’e weromstuit ek to
sjongen fen:

    Din, din, din!
    Harmen wever is op ’e rin!
    Hwet jister noch in pykje wie,
    Det is nou ’n âlde hin, hin, hin,
    In âlde hin!

„Noijis,” skoaide de lytse man en hy sette it nije frânske teldeuntsje
yn en wiisde nei Mem en Henricus en himsels en telde:

    Eunom, deunom, des,
    Katrom, sinkom, ses,
    Halve jan, doktersman,
    Enne penne, tryf! traf! troef!

It kaem krekt sa út, hy wie ’t fensels en do boarte ’r for hynsder en
roan op hânnen en foetten de keamer lâns, lytse Henricus as in greatsk
ruterke op ’e willige rêch. O dy mûtelens fen ’e lytse earmkes om syn
hals, it swiet gewicht fen it waerme lichemke ticht op sines!

As ’r nou dy dwangnagel net hawn hie mei syn great jonge, ja, den hie
hy op dit stuit lokkich west, det fielde ’r. Mar de alderbêste hynsders
ha altyd noch wol ris in forkearde dwarrel yn ’t hier, treaste ’r
himsels en paste tige op, Popke net yn ’t petear to biheljen.

Hy mirk wol, it siet hjar heech en ja sjeder, optlêst bigoan hja der
sels oer. It wie mei tsjinsin, det bispeurde ’r wol. ’t Moast dos wol
oer de hege skoen gean mei dy twa, tocht ’r mei skrik. Mar hy diich, as
wie der gjin wolkentsje oan de loft. Hwet is ek minder wirk, as twisken
beam en bast omhaffelje?

—Foun se it forfeelsum, det Poppéus Snein al wer nei Amsterdam ta
moast? It koe net oars.... in man fen syn posysje moast fieling hâlde
mei syn partijbistjûr en in pear dagen, och in pear dagen wierne sa gau
om. Hja kaem mei de lytse jonge mar by hjarres, beppe hie al wer sa ’n
forlangst. En den scoene se út to riden, fjouwer echte hoppen foar de
wein en Henricus mocht foar sitte by de koetsier. De lytse jonge rekke
alhiel pûr, hy wie net mear fen syn knibbel ôf to slaen en togearre
slynden se sa fen ’e Dokkumer fluitsjes en kekskes, det de hiele tromp
rekke leech.

En do jage mem se foart, in glimke om ’e lippen, in skaed fen leed yn
’e eagen en hja sloech sabeare nei hjar mei it breidzjen. En minhear
fen Rhé syn opskerpe eagen, der neat oan ûntgyng, markbiten, der wie in
lyts hoazke op ’e priemmen set, in hiel lytske, wer in hiel lytske....

Hy sei neat.... de lippen ticht op inoar knypt, joech ’r him stadich
ôf, wer nei boppen ta. Poppéus hingele der noch altyd om, de forféling
op ’t antlit. De hiele keamer roek fen toeback en snuf en op ’e tafel
leine in stik ef hwet brieven. It pompier wie himelsblau en de sluven
hiene in útlânsk fetsoen. Hy wie lang goed, mar nou waerde ’r
siedend....

En hy forbea syn soan de reis nei Amsterdam, koart en goed. En as ’r it
diich, den scoe ’r him de talage koarte. Poppéus seach him fen toside
wei loerjende oan en seach him ek al wer net—o ho koe hy dizze
ôfwêzige, ongedurige, onforskillige loaits! sei gjin wird, krige
onwillige stadich syn brieven op en syn snúfdoaze en gyng ta de keamer
út....

Efkes letter hearde ’r de foardoar tichtslaen, monsieur Poppéus de Rhé
gyng oan de kuier, de rôk mei gouden knopen oan, de gongelstok mei
goudene knop yn ’e hân. En al wie ’r noch sa breinroer, hy koe’t net
litte en gean foar ’t finster stean en sjogge him nei, lang en smel sa
’s ’r der gyng, hwette slopeftich op ’e gong, mar fen ’e plasse oan ’e
foetsoallen ta de minhear, de man, dy-t syn eigen waerdij kin, him fen
gjin minske oerstaek sette lit, gjinien teld as himsels, omt hy gjinien
wizer en forstânniger en snoader wit. En eltsenien dy him foarby kaem,
niichde al fen fjirrens, it forstânshoedtsje ef de pet djip ôf en de
measten bleauwne selst stean, om him foarby gean to litten.

Hy stie der nei to sjen, de eagen stiif op syn oerhearrige, ondôgense,
dierbere soan. En sa seach ’r fen ’e oare kant doctor Falentijn
oankommen, de chirurgijnslearjonge efter him oan, it kistje mei
bloedsûgers en ystreminten ûnder ’e earm en ’t linnen sekje mei pluksel
yn ’e hân. Fluch en stevich stapte hy der oer, de sinne biskynde him
krekt fen toside, as hie hja niget oan dit hjar soun, sterk,
treastbringend minskebern. It gyng hird.... it gyng der mei staesje
oer.... Hy seach de donkere eagen, it brúnforbarnde antlit ûnder de
hege doktershoed.

Ho scoe dit gean....? Noch in stap ef hwet en Poppéus en Jehannes
moeten inoar. Hwa scoe ’t earst groete? Ticht by ’t glês, de noas hast
op ’e ruten, stie hy der nei to stoarjen. Jehannes kaem.... nou wierne
se den njunken inoar. Jehannes draeide stadich syn holle om en seach yn
’e oarre-wei, suver as wie der gjin minske op ’e wei en alsa diich ek
de learjonge....

Krekt as joegen se fen Rhé in klap tsjin de holle. Hy fielde it as in
smaed, himsels oandien. En hwet joech it him in stek yn ’t hert! Ho
lang wie ’t lyn, do farden se noch as frjeonen nei ’t Wetterlân en
nou.... der wie wol in great skied kaem. Ja! ja! as der kleur bikend
wirde moat, wirde der ek fijannen berne!

Mar dit wie den dochs noch noait fortoand! Al wie ’t op in distânzje,
de bileefdheit hiene se altyd noch yn acht naem. Mar nou mei dy
tsjerkespullen en ’t oantaesten fen ’t fêst goed fen gasthuzen en
weeshuzen, det hie wol tige slim kweabloed set. Net det it him in
koarel skille koe.... as Poppéus der mar by woan, it oare, ál it oare
fen ’e hiele wrâld, maelde him net.

Sá seach ’r syn soan, monsieur Poppéus de Rhé dy moaije wintermiddei
gean, de jeugd fen syn geslacht, al syn hoop, al syn stribberaezje.
Hwer libbe ’r oars for, as ’t net for syn jonge wie? As ’r him net hie,
nou den ljeaver yn ’e groun as in dea dier, yn ’e groun, yn ’e swarte
modder, der de ein is fen alle dingen, der neat mear is, neat,
neat....! De frânske wiisgearen hjar boeken wierne syn bibel en dochs
lispele sims de twivel yn syn soune harsens.... Scoe der ek noch ris
hwet oars wêze kinne? En o.... ho den mei dy.... sondaer, earme lytse
sondaer.... Hwa is den de foarpleiter op dyn deabed?!

Der gyng de jeugd wer, sa ’s hy der ek ienkear gien wie. Diselde
beammen stiene der noch to waeijen, diselde sinne biskynde se wer en
aeijde hjar mei sêfte kûsterjende hân, as in mem it lytse skirtebern.
Hy hie syn plak mei eare skjin makke, nimmen koe in neil efter him
krije. Hwet scoene de ljue fen Poppéus sizze, ho der ûnderstean, as hy
ek ris de fiif krúskes op de rêch hie? Den scoe hy wol in wiis en
forstânnich man wêze en dwane gjin domme dingen mear, de wylde sinnen
wol bitûmmele wêze en hy him bijown habbe yn ’t húslik bidriûw fen in
earsum heit mei in hûs fol bern, dy-t ek allegear wer to plak moasten.
Ljeave, lytse bern, den al great, in moai skaei fen syn moaije Anneke.
En hja scoene allegear hjar kalme aerd erve en net folle fen heite
nuvere fizefazen.

Stadich dripten der in mennich reindrippen op ’e pannen.

Efkes in felle snjit, do wie ’t ek wer oer en de loft blau as in
flaeksblom om middei, dy-t to bloeijen stiet.

Fen Rhé skelde om syn mantel en joech him ôf nei hûs. Hy tredde der
bidachtsum oer, it gewoane stedskuierpaed lâns fen eltse eptige
Ljouwter, it Breed fen ’e Nijested, it Nau, den de Bierkelders op, de
Dokkumerein lâns, by ’t bolwirk op en sa om de Prinsetún hinne nei hûs.

Op ’e weromreis kaem ’r Falentijn’s foarby en fol wjeraks hearde ’r se
der sjongen. It klonk sa moai yn ’e ljochte, stille joun, det hy bleau
stean en harke der nei en einliks, hwerom wist ’r sels net, gyng ’r
troch ’t strietsje, in eintsje fierder en kaem oan ’e efterkant fen it
hûs by de weverij en de spinkeamers.

De wytkalke mûrren fen ’e huzen joegen noch ljocht op, mar hjir en der
barnde al in kjers op in hege kandler ef it tútlampke. Hwet lei ’r in
ljeave sfear fen frede en wolbihagen nei de dei syn drok bidriûw oer
dit alles, de lege húskes mei hjar lytse finsterkes en heechoppe
gevels, noch ljocht yn ’e lêste neiglim fen ’e joun, in pear pratende
wyfkes oer in ûnderdoar, dy-t him binijd neiseagen en efter syn rêch
drok bigoanen to flusterjen, in njuete ekster, dy-t him wiis útskattere
yn syn kouwe en in âld húsman, dy de skieppeweide hierd hie fen ’t
bolwirk en nou stadich syn féstapel nei hûs ta dreau. Hy kende fen Rhé
en bleau fen fjirrens al stean yn needrige dimmenheit, om to groeten en
him foarbygean to litten.

Gol en frjeonlik groete fen Rhé werom en gyng stadich foarby. Hie ’r do
omsjoen, den hie hy him raer bisoud. De húsman wie ynienen yn ’e groun
forsonken en de skiep sochten sûnder him it rib.

Mar fen Rhé kuiere fierder, krekt as loek der him in wûndere seilstien
nei in plak ta, as waerde ’r hjitten to gean en warde him net, liet him
selst willich liede.

Foar it efterhûs fen Falentijn stie ’r en harkte. Earst koe ’r neat
forstean, al skerpe ’r syn earen ek noch sa op, alles wie gemompel en
neat oars, en hy gyng hiel sunich ta de gong yn. Der foel in ljochte
streek, der wie in oare doar en dy stie oan....

En do seach ’r in lytse spinkeamer en op ’e lânsein, it fierst fen ’e
doar it bihindige, smelle figuerke fen François Falentijn foar in âld
tafel en der stie ien kjers op to flikkerjen neist de greate
Statebibel. Ho wyt like ’r nou en ho âld! Mar syn lûd wie yet jong en
fol fjûr en hy koe ’t net litte en harkje der nei, hwet ’r lies,
lûd-op:

    „Die in de schuilplaats des Allerhoogsten is gezeten, die zal
    vernachten in de schaduw des Almachtigen.
    Ik zal tot den Heere zeggen: Mijne toevlugt en mijn burg! mijn God, op
    wien ik vertrouw!
    Want Hij zal U redden van den strik des vogelvangers, van de zeer
    verderfelijke pest.
    Hij zal U dekken met zijne vlerken en onder zijne vleugelen zult gij
    betrouwen; zijne waarheid is een rondas en beukelaar.
    Gij zult niet vreezen voor den schrik des nachts, voor den pijl, die
    des daags vliegt.
    Voor de pest die in de donkerheid wandelt, voor het verderf, dat op den
    middag verwoest.
    Aan Uwe zijde zullen er duizend vallen en tienduizend aan Uwe
    regterhand, tot U zal het niet genaken.
    Alleenlijk zult Gij het met Uwe oogen aanschouwen! en Gij zult de
    vergelding der goddeloozen zien.”

De wirden rôllen oan as frisse wetterstreamen, der kamen al mar mear,
al mar mear.... En do-t hy oan it hearlike ûnthjit ta wie, hwer de
Heare Him mei forbynt oan al Syn folk, do gyngen syn âlde wite hânnen
as seinjend omhegen:

    „Dewijl hij mij seer bemint, spreekt God, zoo zal Ik hem uithelpen;
    Ik zal hem op een hoogte stellen, want hij kent Mijnen naam.
    Hij zal Mij aanroepen, en Ik zal hem verhooren; in de benauwdheid
    zal Ik bij hem zijn, Ik zal er hem uittrekken en zal hem
    verheerlijken.
    Ik zal hem met lengte der dagen verzadigen, en Ik zal hem mijn heil
    doen zien.”—

Efkes bleau it stil, do bigoan Falentijn to bidden, mar in wirdmennich
en as einbislút droech ’r de Oranje’s, fier fen hjar folk en lân, op
oan syn God. Hy scoe se ienkear wis werombringe yn hjar lân, as it Syn
tiid wie. Mocht it hjar den forgean as Job en Hy hjar lêste mear seinje
as hjar earste.

Fen Rhé yn syn forskûl fielde it fêst bitrou, hwer elts wird mei sein
waerd’. François Falentijn leauwde oan ’e forfulling fen syn bea. En hy
wie net mar sa in dagelyks minske, dy-t min alles wysmeitsje kin, hwet
min him ta ha wol—né, der waerde wol sei, hy wie de aldergeleardste fen
hiele Ljouwert. Syn bibliotheek hie hjar gelikens net boppe de Tsjonger
en syn muntesamling wie selst yn ’t bûtelân fier forneamd. Yn syn jonge
jierren hie ’r greate reizen makke nei Parys en Londen en dit sa ’n
wiis man nou sá! sá! Dy earme forbjustere dweper! hy in foargonger fen
’e lytse ljue en der mei det folk yn in hok oan ’t sjongen en bidden!
och! och!

En hy loerde skean, it âlde glûpersgesicht ien spanning nei it gearset,
yn dit spinkeammerke by inoar. Op ’e earste rige op kjessenstoellen
Pronica en Bet en André en Mulier, ek al net wizer. Alde Ripperda der
ek al middenmank en de Witt en ’t wiif en Elske Baerdt. En den hwet
mindersoartich folk, spinsters en sa en hwet manljue. En sa wier, der
kaem Jehannes yn mei de fioele en hja bigoanen lang fen galm to
psalmsjongen.

Do gyngen se allegear oerein en fol hartsear seach ’r Falentijn, lyts
grys dûknekkich mantsje, stean twisken syn foarse soannen. Wie der
dochs in seine al yn dit libben, der hy net fen ôfwiste, in taestbere
seine, to skatten ek yn waerdije fen dizze wrâld, dizze wrâld, dy
folgens syn oertúging einde by en yn in gref....?

Fol yzegrinens roan ’r nei hûs, hird! hird! folle hirder as ’r it wend
wie en goed for syn âld hert. Nou wist ’r, hwer se preken en hwet se
preken, dy fordreauwne bidders! mar hwet ’r net wiste, wie det ’r noch
in taharker stien hie, om it Wird fen genede to hearren, ticht by him,
deun neist him. Mar syn eagen waerden hâlden, det ’r him net sjen
mocht. It wie Ryklef Ripperda. Efter in tin sket stie ’r en seach troch
in útboarre oastgat al hwet der omgyng yn ’e spinkeamer en hwet ’r der
hearde, o it dripte as suvere balsemoalje yn ’e brânwounen fen syn
earm, oproerich, swier fen leed slein hert.

—Aan Uwe zijde zullen er duizend vallen en tienduizend aan Uwe
regterhand, tot U zal het niet genaken.... Hy wist net, ho dy wirden
optheden, ja nou krekt op dit stuit for him fen tapassinge wierne, ho
tichteby de fijan wie, op hânbreedte ôfstân. Mar hy moast foarby
gean.... hy moast. It wie in bifel, hwer hy oan to foldwaen hie, sûnder
forset. En hy gyng, waerd dreauwn, om wer foart to gean, it selde paed
lâns, bûtedoar, ta ’t strietsje út, nei hûs.

Gjin fiif minuten letter wist Falentijn fen in oandrager, hwa der yn
syn hûs west hie. „O frou”, suchte ’r en it klonk as in snok....

„Dy-t yn de Kening syn biskerming stiet, dy hat gjin soldaet to
frezen”, sei Pronica mei neidruk en lei hjar hân treastjend op sines,
de wite en smelle meagere hân fen hjar man. En sa sieten hja der in
hiel set stil neist inoar, elts mei syn eigen tinsen, dy dochs hjar
oarsprong hiene út ien saed. Hwet hjar ek oerkomme mocht nou yntkoart
ef letter, hja wierne for altyd forboun en troch leauwing én troch
ljeafde. Al streame it libben mei syn onwisse weagen foart, hja wisten
beide de feilichheit fen ’e haven, hwer it for ivich goed ankerjen is
en in bihâldene thúskomste nei de swiere dei.—

De hiele joune bleau fen Rhé stil en steurd. Hy wie ’t net mei himsels
iens. Hwet scoe ’r? Dy gearkomsten forbiede? ef it folk gewirde litte
mei hjar gesjong en gepreek? As ’r tofolle gewach fen de saek makke,
den krige eltsenien der aerdigheit oan en scoene se der op takomme as
âld roeken. It domme folk, och det woe ommers dochs altyd in hâldfêst
ha yn hjar bygelovigheit. Ho stilder, ho better en den knipe, der
bifoun hy him altyd ’t bêst by en min scoe altyd it gesach sa ûnder
dúmkes wei wol ris de wink jaen kinne, det se taseagen, hwa-t der al sa
by Falentijn’s út en yn gyngen yn ’t efterom.

En der scoe hy joun wol gelegenheit ta ha op ’e soosjeteit foar de
Waech oer, hwer hy elts trof, dy-t yn Ljouwert hwet to sizzen hie fen
’e jongste luitnant ôf oan ’e ôffirdige nei de Nationale Conventie, fen
Beijma ta. Hjir wie de mounle, hwer it Ljouwter moal meald waerd’, ja
det fen ’e hiele provinzje einliks en det it folk letter yn wûndere
baksels opdist waerde, al meast fen nije bilêstings bisauske. Hjir huze
de spin, hwaens webbe syn triedden de hiele provinzje omfieme. Hjir
kamen de útkloarkers en oandragers gear en makken de ljue min en
krigene hjar judaslean útbitelle. Hjir waerde de ljue it jild
foarsketten, om ûnder moaije sinspreuken soosjeteiten oprjuchtsje to
kinnen, hjir waerde it rjucht fen ’t frij boek- en pamfletprintsjen
bisnoeid, hjir bitelle de boekforkeaper, dy-t net om lyk woe de hege
boeten foar it lytse lûkje, hwer monsieur Berdeau, eren plûmker en
kenineslachter, nou thesaurier, efter siet to gnizen, hjir hipte en
sprong alles, hwer mar in fear fen libben yn siet en dânse nei de pipen
fen âlde fen Rhé. Poppéus wie ’t yn namme, hy wie de died.

It gesach fen Ljouwert wie hy, de Jacobijn. As in kening regearre ’r yn
dit syn lyts ryk en ’e Bataefske Republyk hie nea trouwer ôfgesant fine
kind. Yn dizze republyk tsjinne hy syn eigen ideael, hwent wie dizze
staet net sa, as hy him altyd dreamd hie, fen great jonge ôf oan? de
staet fen it biriddeneare forstân, sûnder God, sûnder gelove. De
„ontwikkelde”, forljochte minske hie det net mear fennoaden, dy âlde
sedewetten út ’e Bibel en soksoartige boeken hearden net mear ta dizze
tiid.... Diderot, Voltaire, Rousseau, det wierne de mannen, der moast
min yen fen riede en liede litte, den kaem it grif goed yn it libben.
En hy hie Poppéus opfoed sá, as him tochte, det hjar idealen it meast
binadere. Yn Poppéus seach hy syn lear bilichame en derom wie hy him
namsto dierberder, al ho-t hy him sims ek bikibbe en bifûtere. It wie
syn fleis en bloed, de ienichste lêste loat fen syn stamme en ek
geestelyk fen syn eigen makelij. Gjin frjemd hie oanpart oan syn
geestelyke ûntjowing, sels hie hy de teare siel foarme nei syn
ynsichten, ja lichamelyk en geestelyk koene einliks gjin twa minsken
inoar neijer bistean as hja twaresum. Mei him, yn him, troch him,
bloeide ef stoar alles, hwet for him waerdij joech oan ’t libben.

Stadich, deftich, ien fen ’e hearsfeinten him op hakken en teannen nei,
kaem hy der oanstappen, in „imposante” figuer, de mantel loswei om ’e
lege meagere skouders, de moi lytse holle omliste fen ’e wite krollen
fen ’e prûk, de eagen skerp en loerderich ûnder de swiere eachsbrauwen,
as se ek hwet fine koene to lekskoaijen op dizze ef gene, hwent de
hiele middei roan ’r om mei in botte min sin. Alles gyng wan optheden,
bifoun ’r, fen Poppéus syn oerhearrigens en ’t dryste gepreek fen
Falentijn ôf oan ’e jeuzelbriefkes fen ’e ljue ta, der by fenmiddei yn
’e gong oer stroffele wie en dy smeken om forleging fen straffen ef
boeten. Soks makke him altyd tipelsinnich.... it wie de wet en hy diich
de wet sá en net oars.

Swierige stadich biteante ’r it opstapke yn ’e gong en forweardige him,
Berdeau, dy syn rêch yn twaën bûgde, in lyts frjeonlik knikje werom to
jaen, krekt en allyk oan in oare frjeon, dy ek sa fen neat ta eat
heineballe wie en as in forsjittende stjer yn syn sfear tolânne kaem en
dy min dochs jimmer wer ljeafst oer ’e holle sjocht en tsjinstich smiet
de feint de doar fen syn keamer wiidwaech op foar him. Der barnde in
moai fjurke, fiif kjersen ljochten frjeonlik glânzjend op ’e tafel, de
piip lei ré, toeback, útpluzer en komfoar derby, in echt ljeaflik
binnehûstafrieltsje, sa smûk, sa noegjend, det hy rekke der alhielendal
wer fen yn ’e blâns.

’t Earst stoppe ’r de piip, do diich ’r in taest nei it sulveren
bledtsje, der de post fen ’e middeis op del lei wie. Det wie me in
sjouwke, fenwegen it minne waer de lêste dagen, al mar teije en de
wegen ien blabze en modderpoel, hiene de postweinen hast net ride kind
en alle forbining mei de bûtewrâld sadwaende yn trewyn. Ut Hollân wei
troch ’t ticht wetter alles oer Utert en Swol, hok in omlânske reis! en
fen ’t bûtelân kaem hielendal neat yn. De heftige streamings, dy-t der
yn Frankryk brûzden, hjar fier gedinder hearde min hjir selst net iens.

De beide earste brieven wierne dingen fen neat, bidankjes fen guont,
troch him op ’t kjessen holpen, omt ’r se willich bifoun hie, slaefsk
nei him harkje to wollen en dwaen to doarren, hwet hy se foarsloech. It
fjûr slikke al ring de snipels op, hwent dizze epistels achte ’r to
gefaerlik, om to biwarjen.

It tredde brief wie fen gâns plezieriger aerd. Boarger fen der Werff,
representant yn ’e âlde sted fen Dockum skriûwt en as dy skriûwt, den
moat fen Rhé laeitsje en komt de stoefe kâlde troanje ris yn oare
tearen. Nei it komike deftige oanrintsje klaget de goe-man oer it folk
fen de stede fen Dockum „dat so donderse doofhudich is, men súdde se in
trompet an der ooren sette, siedaer, en blaze so it ferstand in dur
hoofd. It is hier altyd en eeuwich roerich en elkeneen loopt met skerp
in de bús en as Woensdags de Woudtsjers in de stad komme, dan staane se
mar op ’e Syl to swetsen. En langlasten skolden se me so mar út for
blauferwer. Ik kan je segge, ik kookte fenbinnen en ik liet him
oppakke, dy bosduvel fen ’t Ikkerwoud en sette hem in ’t honnegat, drie
dagen op water en brood en ik kan je segge, de selfde avons waren alle
útdeuren fen myn hús met blauwe ferf bestreken, suver in griis. It het
my 3 carolieguldens kost om ’t der weer met fetsoen af to krijen.

Verder doen ik te weten, alsdat der hier gâns gearsetten binne fen
ontevreden luijden. Ik bitrou dit saakje for geen botsen en súdde wel
wille, det wy hjir frans peerdefolk kregene, oude bidrevene knapen. In
de kerke fen Aelsum en Hantum kin se wel legere wirde en bistel se in
de kost by de rike terpboeren en orte- en boonebouwers. Dy hewwe in
jaar, se ride met koetsen en der twee gudsen foar na de kerke.—

Fen Rhé seâch âlde f. d. Werff.... oerginstich, hjit fen suver
forginnen, nei de kerke ta kûrreljen en in grouwe klaeiboer him foarby
riden mei dy beide gudsen, det de fonken út de flinten fleagen.

Mar it gesach moast heech hâlden wirde, boarger f. d. Werff is it
gesach derre en hy skriûwt ûnder it brief: 100 man ekstra nei Dockum en
geskut, de kosten fen ien en oar en ynkertiering to dragen fen ’e sted
en ien fen ’e Ljouwter representanten scil in deimennich nei Dockum ta
om boarger f. d. Werff fen tsjinst to wêzen en desnoads mei gewelt alle
forset to smoaren.

In stik ef hwet skoaiposjebrieven reart ’r oan kant, den falt syn each
op in roazekleurich briefke, swietfingerich biskreauwn mei lytse
tipelige letterkes en for Poppéus ornearre. Hy stie yn bistân, om it to
forskûrren, do bitocht ’r him en stoppe it yn ’e binnebûs ûnder ’e
bûsdoek en ’e snúfdoaze. Hy scoe ’t Poppéus sels jaen, det der noait
oare eagen oer gean koene.

Hy lei efkes de piip del en seach ’t hear oer, de rûmte fen ’e moaije
greate stille keamer, forlevendige fen goudlearbihang en in greate
skoarstienmantel fen sêft gielread moarmerstien. It skilderstik deryn
stelde Hercules foar en Omphale en ’e teare, ljeaflike moaijens fen
Omphale, de blankens fen it jonge neakene fleis ûnder ’e gazene klean,
de blondens fen it sêft golvjende hier, de blauwens fen it greate
heldere each brocht him Anne to binnen, syn oantrouwde dochter, sa’s se
der dy moarne sitten hie to sjen dy deis nei ’t Wetterlân ta. Scoe sij
de lytse Omphale wirde kinne, hwer in Hercules him fen bilêze liet? Hy
hie wol yn hjar eagen lêzen, hja boun de stryd oan en hy! hy! scoe hjar
stibelearje, mar Poppéus hie in hirde kop en rekke sims raer op ’e
doele om in frjemd boskje rokken en in gleon readsidene kyps.

Hy snute de kjersen ris en helle it flessekisje foar ’t ljocht en út
syn pong it sulveren kaeike, det der op paste. En hy geat him ris yn,
in prachtige slipe griensmaragden romer fol bramboazebrandewyn. Do
stoppe ’r de piip fen nijs en bigoan wer to lêzen. It wie nou in great
brief fen it fynste felijn, tichtplakt mei kleurde ouwels en yn ’e
midden in great wapen, trije balken fen sinnobel op in fjild fen sabel.

Braak fen Collum, tocht ’r optslach. Hwet in gemiter! Hwet scoe der wer
wêze? Det Collum wie al sa ’n oerhearrich gat, der bidden en preken en
oranjekraeiden se ek noch algedurich en blaesden nei ’t Frânske gesach
as feninige katten. Monsieur Braak en Keuning hiene der de hânnen fol,
it folk hie gâns it grou op hjar, omt it troch hjar tadwaen wie, det
grytman fen Scheltinga yn ’95 ôfset en oppakt wie en yn ’t Blokhús
finzen set waerde. Det koe det Collumer poddebrod mar net forkropje sa
’s ’t like, der wrokken se altyd noch oer en omt siktaris Braak him
altyd tige warde for it Frânsk gesach en rûm yn ’e duiten siet, makken
se him jern it libben sûr. Mar fen Rhé kénde him, monsieur wie in
fiaen, dy stié syn man as ’t wêze moast en derby, syn dukaten wierne
fen ’e bêste specie, dy joegen him in bult macht en krimp jaen scoe hy
noait.

Hy klage, de lêsten kamen sa min binnen en as se bitelje moasten,
forwieten se him fen alles en noch hwet en hunen him as in bloedsûger
en ielshûd. Hy koe net sjen, as alve stûren fen ’e goune nou sa ’n
great griis wie. Hja hâlden ommers sels noch njuggen stûren oer, der
moast in minske fen libje kinne en oars mar om de oare dei
boekweitengroat mei lollemansstip, as ’t spek to djûr waerd. Det kaem
de Frânsken ek ta, derom net, de jonge spallings en ’e fette piken fen
’e matte smakken lekkerder.

It jild moást der komme. Ien hiene se al skúsjeboelgoed oandien mei ’t
gerjucht, it wie âlde Leijenaar, ek sa ’n oranjerazer. Hy hie ’t
forhipt to biteljen. Lokkich wie alles gau biredt, hwent der kaem me ek
sa ’n kanarje by, Joege Innes fen Boerum en dy bea for in kastje
safolle, det de Staet kaem ta syn jild. Mar de joune hiene se de
opropper de sleatten lâns jage nei hûs.... lokkich wierne de executeur
en hy siktaris, dy-t it fonnis ûnderteikene hie, sûnder skea it gefal
ûntkaem.

Alde fen Rhé loek de foarholle fol tearen. Hy hie ’t net op dy
broeinêsten stean, sims ynienen koe der de lôge en ’t fjûr útslaen en
dit gefal fen in pear jier lyn, do se it Blokhús foljage hiene mei
grytmannen en oar sok deftich gespús fen ’e stinsen, hie mis west. Hy
hie ’t genôch sei. Hja rekken der it tearste steed fen it folkshert....
dy-t hja achten en earen, woene se perfoarst net as moardners en dieven
bihânnele sjen. En om alles, hwet de mennichte mient as fordrukt en
martele, weeft it in aureool. Den komt der in slachtoffer, der folget
in catastrophe op, de wraek is de ein. It individu, sels onmachtich om
wraek to nimmen, suggereert de massa en dy nimt se, wreed en lang. De
hyena instincten fen ’e folkssiel forbrekke de klusters fen selsbitwang
en wetsfreze en gien’ to wirk folgens de opswypke hertstochten, dy
fordjer en dea bringe.

Hy hie se warskôge.... it regear fen do hie net harkje wold. It wie de
feint, dy-t it regearjen noch leare moast, gnyske hy smeulsk yn him
sels.

Nou siet hy hjir al lang op hjár stoeltsje en de feinten fen do, hearen
fen ’95, fen ien skoft en in healûre, kroepen werom yn hjar kinkhoarnen
as slakken, dy-t min de fielhoarntsjes tofolle kitele hat, it wird wie
wer oan dyjingen, dy-t hearskjen leard hiene en hy wie yn in omsjoch op
’t kjessen. En hy hie en hy hâldde it heft yn hânnen, al wie it
Poppéus, dy-t hy as thesaurier général al mar oan nei foaren skoude. Hy
yn it skaed, syn soan yn it felle hearlike ljocht!

As de wegen birydber waerden, den kaem hy persoanlyk ris to
sounfreegjen, skreau Braak en hy noege fen Rhé en ’t wiif út, der
Peaske ris to kommen. Collum wie in skoander plak fol fortier en hja
scoene it hjar ta in eare rekkenje. De goezzefearren pinne fleach oer
’t pompier, fen Rhé makke in kantteikening en lei him do kreas opteard
by de oaren.

It folgjende brief wie fen fen der Kooij fen Stynsgea, mar in
wirdmennich. De ljue forsetten hjar der yn dy contreinen tige tsjin de
ynkertierings en ’e hege lêsten en de siel fen al dy opstannelingen wie
de eigenerfde Bindert Japiks Cloosterman fen it Bouwekleaster en syn
beide âldste jonges. Min woe wol ha, det hy de minsken selst mei jild
stibeleare, om it mar mei oranje to hâlden en op to sprekken tsjin de
Frânsken. Fen der Kooij kefte ris wer as in houn, fierst to bang om ea
to biten—tocht fen Rhé en smiet it briefke yn ’t fjûr.

Nou lei der noch in fodsje op it sulveren bled.... in fiis lyts fodsje
pompier sûnder slûf sa mar hwet by inoar trânsele. Fen Rhé loek de noas
op—it stonk fen reek en earmeljueswent en hy socht in skjirre út it
tafelslaed en hâldde it sa beet. Do mei it mes derby en sa lûkende wei
krige hy it út inoar en lies: As mynheer eens op een avond laat naar
bysitter Falentijn zijn huis gaat, dan vind hy daar een buit. Want daar
ligt Ripperda in den kost sedert dagen.

Hy fleach oerein mei ien sprong, it pompier foel him út de hân, it mes
plofte op ’e flier. Hy bisoude.... hwet wie me det? Hjir.... by
Falentijns.... al sont dagen....? Hy moast rûmte ha, hy sette de prûk
in amerijke ôf en makke de halsdoek los. Dreame ’r? Lies ’r wol goed?

Al den dei kamen der sokke briefkes. Ornaris neat om de hakken. Guont,
dy in oar in loer draeije woene en hjar formakken, as de gens d’armes
oer de flier kamen for in hússiking. Mar út dit fodsje pompier spriek
eat, der hy út opmakke, it wie wierheit en al sont lang formoede ’r,
Ripperda wie yn omwandling yn Fryslân. It folk roeriger as ornaris,
krekt as bitrouwden se op in onbikende sterke stipe, fonkjes fen forset
hjir en der oplôgjend ta striefjurkes, alderstikeligste skotskriftsjes,
hjir en der oanplakt op sketten en mûrren en rare skimpskeuten op
Poppéus, him en oare foarmannen, altyd argewaesjes fen alderhande
soarte. Sims fong min in dôgeneat en traktearre him op in tweintich
stokslaggen op ’t Blokhúsplein en ienris op in goede dei, wylt se der
wer mei dwaende wierne ta great formaek fen ’t folk, wierne Poppéus en
hy der krekt foarby kuiere. En ien fen dy knapen, hie me dy net in
pûdde fol duiten krige en dy oer hjar hollen saeid, det it jild fleach
hjar om de earen en Poppéus op ’e hoed en him op ’e steek en it
healwize folk raemde hjar hast om en klauwde hjar de duiten fen ’e lea.
Alles! alles! bilechjes fen det oranjeras, om hjar loeren to draeijen.
Hja waerden stibeleare mei Ingelsk jild, wie ’t sizzen. En Ryklef scoe
der wol hândiedich oan wêze, it mirdepaed giet altyd werom nei de ein
hoale en eltse fûgel hat oanstryd, om noch ienris it forbâlle nêst to
sjen.

Mei in hastige taest pakte ’r de tafelskel. Hy wie biredt.

„Optslach monsieur Lefèbre,” hjitte ’r de hearsfeint yn ’e doar.

It gyng gauwer as hy tocht, hwent monsieur Lefèbre siet mei syn maten
to kaertspyljen yn ’t seal en mei twa sprongen tagelyk, lichtskonkich
fen oermoed en jeugd, fleach ’r by de trappen op en stie al yn ’e
keamer, eart fen Rhé noch iens in wirdmennich op ’t pompier krije kind
hie.

„In hússiking by boarger Falentijn op it Smel fen ’e Nijested.
Foartdaedlik. Njuggen man fen ’e alderbitrousten mei. ’t Bifel fen
finzennimming fen Ryklef Ripperda, dea ef libben to bringen yn ’t
Blokhús. Hy hâldt him der skûl. Jou stien’ my persoanlik boarch for
dizze saek, Lefèbre.”

„Kin ’t sûnder myn commandant to rieplachtsjen?”

„Der redt ik mei,” sei fen Rhé heech en kâld en gyng oerein. „Tink
erom, it is in gledde fûgel.... hat in bult oanhang yn ’e stêd,
soarchje dos det de knip sa finael set wirdt as ’t mar kin. En.... yn
’t alderslimste gefal.... in kûgel. Ik wol it sa.”

It bihindige mantsje foar him nikte. Hy wist, hwet der oan fêst siet.
Bifoardering, eare, fortsjinst, forlof om in wykmennich nei Parys ta to
gean. Mar oars koe dit aventúr him mar kwalik haegje. It moide him
selst om Bet Falentijn.

Fen Rhé seach him foartgean. Hy wist, oan hwa ’t hy dit affysje
opdroech. Nimmen hjitte goochemer as Lefèbre yn ’t útfikelearjen fen
alles, hwet mei nachtwirk to meitsjen hie. Yn syn hert neamde ’r him
altyd de bloedhoun. Syn tsjinsten wierne noait yn goud to biteljen en
hy achte him de alderienichste yn hiele Ljouwert, wirdich en
bikwamernôch, syn greatste fijan de bretale snút to rongjen, det hy
noait ef to nimmer wer wrotte koe.

Hy lies it fiise briefke yetteris, smiet it do yn it fjûr. It hie syn
tsjinsten dien. Nou foartdaedlik scoe ’r witte, ef it liichde ef
wierheit spriek. Oer in ketier stiene Ryklef Ripperda en hy licht wol
foar inoar oer.... tominsen.... tominsen, as ’r den noch libbe,.... de
twa sterke machten fen ien lytse sted, de patriot en de prinsman, de
rede en it gelove en syn hânnen jûken him, om dizze saek nou ris sa gau
mûchlik ta in ein to bringen en dy bolstjûrige, oermoedige kraeijer it
swijen op to lizzen. Net as in martler op it skavot foar ’t Blokhús,
den scoe min him der licht op oansjen kinne, as ’r it diich út
persoanlike wraek, né, der wierne fen dy kelders ûnder ’t Blokhús, der
it wetter by de mûrren lâns sipere, der min stadichoan krepearde oan ’e
tredde-deis koarts. Der scoe Ryklef Ripperda yn.... der scoe ’r de
lêste syke jaen....

Den krige de hiele oranjepartij yn him de nekslach en as se him nou
joun by Falentijn’s founen, den koe dy der ek yn bihelle wirde en
bliede. Hy hoechde syn soan den ek net wer op to stokeljen, om Poppéus
net to groeten, licht moast ’r den wol ris mei hangende poatsjes komme
en dogge in knibbelfal foar Poppéus, om heite âld libben to redden. Sá
scoene se allegear troch dizze iene wize set foargoed wjuklaem slein
wirde en alle forset to niete gean.

Efkes letter hearde ’r hwet gestommel by de útdoar en gefluster en doar
tichtslaen en koarte, flugge stappen op ’e flinten. Sunich diich ’r in
blyn op en seach bûtedoar. It reinde, det it spielde, dochs wie it net
sa tsjuster, it roan nei folle moanne. Yn ’e stúdzje wei eage ’r nei it
kloftsje folk, det by de Waech lâns gyng, earst trije en do ien en do
in man ef seis, swarte linige skynsels, stil en fluch yn ’e swarte
reinnacht. Hja waerden wei yn in steechje. In pear hâldden de wei en
gyngen nei de foarkant fen Falentijn’s hûs. Mei in slach sloech ’r it
blyn ta en diich it izer der wer op. En wachte deastil by it hearlike
heldere fjûr op it gean fen it lot, det hy alle frij jown hie.

Sá sette de lêste greate wraksel twisken dy beide greatmachten fen
Ljouwert yn.

Falentijn, nochlik yn petear mei Pronica, hâldde in reaf jern for hjar
op en seach fol niget, ho de kleone groeide twisken hjar blanke tinne
tûmmen. Hy hie dy greate blanke hânnen ljeaf, dy slanke, fynbonkige
polsen en it moaije biweech fen dy hânnen wie him in eachweiding, ja
hiel de jeuchlike, fleurige, reafallige moaijens fen syn Pronica wie
him yette in eachweiding. De sinneskyn fen hjar wezen formoedsoene him
mei al de tsjinstuiten en alle leed, hwet him ek net bisparre waerd,
hwent droegen se it net twaresum? Jehannes yn ’e hoek stimde syn fioele
en bigoan in suver lietke fen minne op ien hege snaer. Falentijn wist,
hwer hy om tochte, om lytse Doedte Ripperda, der jinsen yn ’e Bjirmen
op ’e âld stins. En hy spile! hy spile! krekt as helle hy se yn sêfte
lokkinge werom nei hûs, tige, tige tichte by him!

En oan ’e lânsein fen ’e tafel sieten Bet en André to dominearjen, sa
stil as mûzen. Ho pronken se troch hjar bliide jeugd ek mei dizze âlde
keamer op! ho ’n skatten hoede dit âld hûs ûnder syn readpanne dak! En
fol ljeafde en meilijen tocht ’r om noch in skat yn syn hûs, ûnder syn
biwâld, in skat fen noeden en soargen. Strak scoe ’r út syn forskûl
komme doare en hjir ek mei oansitte en ien skoftsje ek de fredige
kûstering fiele fen it húsgesin.

Pronica stiek de holle op. „Der ’s folk by de útdoar,” sei se en fleach
fen skrik oerein.

„Jehannes!!” Oars sei Falentijn neat. Jehannes wie al foart, de lange
gong troch, yn ’e spinkeamer, by de farwekûpen lâns, mei in swaei by de
trap op nei de wollesouder. „Bist der, Ryklef,” rôp ’r sunich.

„Ja,” sei dy en kaem der hird oan.

„Forredt, freez ik.... Kom del.... troch ’t keldersfinster foart....”

Hiel sêft makke der him eat út it tsjuster los en liet him by de trep
delglide nei de keldersdoar ta en der yn. Jehannes hearde de doar efter
him tichtflappen en skoatele him, beide skoatels der op. It hûs fen
François Falentijn liet syn dierbere gast gean.

Do krige ’r in pear drankfleskes fen in planke út ’e medicynkast en
geat se fol út in flesse. Syn hânnen trillen in bytke, hwent wylt ’r
der mei dwaende wie, hearde ’r al guont oankommen yn ’e gong en syn
heite lûd, like kalm en evenredich as altyd: „Dizze kant út, monsieur,
yette de spinkeamers en ’e wollesouder. Myn soan scil jimm’ wol
bijljochtsje, hy is der oan ’t apteekjen. Jehannes!” rôp ’r. „Wolst
efkes komme? De hearen miene, wy ha hjir guont húsfeste, dy-t fûgelfrij
forkleare binne. Wistû der fen?”

„Hjir binn’ gjin oare minsken as ik allinne.” Jehannes Falentijn stie
foar de lytse Lefèbre as in kening en dizze leauwde him op syn wird. Hy
diich it einlik al mei tsjinsin en krige ho langer ho greater wjeraks
yn dit gehússyk yn Falentijn’s hûs, hwent hy wist, ho heech as dizze
húshâlding oanskreauwn stie yn ’e sted en ek mei om de moaije eagen fen
Bet, hwaens fioeltsjeblau him bitsjoend hie, hjitte ’r syn folk, yn ’e
gong to wachtsjen en kuiere allinne mei Falentijn fen keamer ta keamer,
seach ûnder de bedsteden en yn ’e kasten, op ’e tekkensouder, oeral,
hwer mar in mûzzegat to finen wie en bispeurde selst gjin inkeld
markteiken, det hjir ea in minske syn nachtleger hawn hie.

Falentijn smiet mei in rûm gemoed de lêste doar fen ’e boppegong op.
„Hwet ’s hjir yette?” frege monsieur Lefèbre en snúfde fyntsjes de
swietrook op fen lodderein en soksoartigs.

„De keamer fen myn dochter,” sei Falentijn deftich. Monsieur Lefèbre
bleau op ’e drompel stean. Mei ien forljeafde loaits fen syn skerpe
eagen omfieme ’r de hiele lytse wrâld fen it jonge famke, de spaenske
matte op ’e flier, it taffeltsje fol snypsnaren, de blausitsene
bêdsgerdinen en de blausidene sprei op bêd, de printsjes oan ’e mûrren,
alles tear en wif fen glâns yn ’t skynsel fen ’e lantearne. It wie him
allegear to sêft en to ljeaflik, om oan to kommen mei greate
manljueshânnen en to bismodzkjen mei greate smoarge learzens.

„Op jou wird, is hjir nimmen?” en hy seach Falentijn oan en tróch.

„Né,” sei Falentijn. En hy wist, dizze man liichde net.

Koart biredt draeide hy him om en sa kroasken se wer nei ûnderen.
Falentijn him op in distânsje efternei, slingere twisken hoop en freez,
hwet der efterhûs barde ef al bard wie. Fen Jehannes fornaem ’r
neat.... Pronica, Bet en André wist ’r yn in hoeke fen ’e keamer,
triljende as popelbledden, mar Ryklef? Hwer wie ’r? Hie ’r wapens? As
’r omkaem, hwa scoe den de brêge wêze twisken de Prins yn Ingelân en de
Oranjepartij? Hy wist it net, hy wist neat optheden, as det it needlot
wer mei in minskelibben om heineballe en it smiet rjuchts en lofts nei
alle kanten fen gefaer en dea. En út ’e binaudens fen syn hert wrong ’r
de bea nei boppen: Sparje him, Heare, o sparje him for Oranje en
ús....”

Monsieur Lefèbre bûgde ta ôfskie en Falentijn sels liet him út, troch
de winkel, de foardoar út.

„Ik diich it op bifel,” sei monsieur Lefèbre yn ’t foartgean, as moast
’r him forûntskildigje. „Ik diich it mei tsjinsin, omt it jimm’ ljue
oangyng.”

„Det miende ik to bispeuren,” andere Falentijn koelfrjeonlik en dochs
eat hertliks yn it lûd. „Meij it wird ha, fen hwa dit bifel útgyng?”

Monsieur Lefèbre seach om him hinne. Der wie gjin minske, om hjar to
biharkjen. „It is op oarder fen âlde monsieur fen Rhé.... in anonymis
joech him de wink.... Wêz op jou hoede, monsieur, it scil sa wol net de
lêste kear wêze en ik scoe ’t net wolle om jou en om jou....
dochter.... Komt de kniper ris op ’e skine, dizze rjuchter kin gjin
genede, monsieur Falentijn.”

Falentijn stiek de hân út en hja fûsken. „Tank for dizze frjeonerie”,
sei ’r ienfâldich. Nou earst bigriep ’r, hwerom him it smaedlike fen in
eigentlike hússiking mei in kloft frjemde soldaten efter de haedman
oan, dy-t neat hillich wie bisparre waerd. Monsieur Lefèbre, de
charmeur, mocht syn Betteke skoan en derom eare ’r de drompel fen hjar
hûs.

Mar Ien, oneinich heger as monsieur Lefèbre, machtiger as alles yn ’e
wrâld, joech him al soks ek wer yn ’t hert en ûntnaem selst dit syn
forskrikking en smaed.—

Falentijn hearde de manljue swier foartstappen en sa hird as ’r rinne
koe, hy nei ’t efterhûs, nei Jehannes. Hearst hwet? wist hwet?” hime ’r
en hâldde him oan it sket fêst, sa trille ’r.

„Stil heit, stil....” sei dy en krige him by de beide hânnen beet. In
stream fen kalmte en kreft like him wol út dy sterke, ljeave hânnen ta
to floeijen.... hy waerde ynienen bidaerd en it felle jeijen fen it
hert bikaem.

„Hjir is gjin ien mear,” bigoan Jehannes.... „mar....”

„Ho scoe ’t der foar stean? Scoest net bûtedoar doarre en harkje....?”

„Det ’s to gefaerlik. Wy kinn’ nou neat mear.... Ien allinne wit nou
syn wegen.... It scil komme nei dy Syn wil.”

En wylt Ryklef Ripperda by de mûrren lâns rearde fen it steechje, om
yette in forskûl to finen en in ûntwyk út ’e falle, leine Falentijn en
syn soan deastil to harkjen yn ’e kelder, der it finsterke noch fen op
stie.... Hja hearden neat, allinne it fine getik fen ’e rein op ’e
pannen. De stiltme waerde binaud.—

Monsieur Lefèbre slûpte súntsjes om ’e hoeke fen it steechje en loerde
nei syn manskappen. De hiele steech wie ôfset en alle strietsjes en
slûpyntsjes yn ’e omkrite. Hy wie wol mei njuggen man foartgien, mar
hwet joech sa ’n hântsjefol! en derom hie hy der noch sa ’n tsjien man
by opcommandeare en dy wierne der nou. Falentijn syn hûs wie omsingele
fen alle kanten. As Ripperda der wie, den kaem ’r foar ’t ljocht. Hast
bigoan ’r al to leauwen, dit roan ek wer op neat út, alles om ’e nocht,
do miende ’r in gedrús ticht by him to hearren. ’t Koe ek in kat ef in
rat wêze, mar hy skerpe dochs syn earen op en sloech de hân oan ’e
sabel en fielde nei de pistollen, hwent it scoe in swier stik wêze, om
dizze sterke knaep to bimasterjen. Fen syn kreft diste min yn Ljouwert
wûndere staeltsjes op en net minder fen syn ridderlikens en eale sin.
Al wie ’t syn fijan, hy koe ’t net litte en priizgje dit yn him. Derby
wie it in edelman, min scoe him noait de achtinge ûntkeare wolle, dy-t
him takaem.

Stadichoan op syn commando slute him de ring tichter, in net fen
binauwinge for in earme fûgel, fordwaeld en ynein flein.

Ynienen, hwet wie det? Seach ’r goed? Stie der ien midden yn ’e steech,
in gesicht fier fen Falentijn syn hûs ôf? In man? In greate, foarse
man? Koe det Ripperda wêze?

„Monsieur!” hearde ’r roppen. „Ik bin Ripperda.” By it ljocht fen in
feale glimp ljochtmoanne seach ’r in donker bosk hier, in drystmoedich
antlit, hwer in pear donkere eagen greatsk en fol haet yn flikkeren.

Ien amerij stie monsieur Lefèbre as in blok, hwer ’r stie, sa
oertongere him de sitewaesje, do wie ’r mei ien sprong by him en helle
it pompier út ’e bûs.

„Doch gjin moite, monsieur”, sei Ripperda heech. „Ik leau de leugen fen
fen Rhé wol.” En sûnder forset, o sa stil! hwent hy freezde forset fen
de Oranjeljue en hwa wit den hokker gefolgen! liet ’r him de hânnen
bine en twisken twa fen ’e sterksten yn rekken se op reis nei ’t
Blokhús ta. Monsieur Lefèbre foarenop as in held mids syn folk en in
stikmennich ta sluting fen ’e trein, in sombere staesje, op reis nei de
ein fen de dingen, itsij dea ef finzenis for it libben.—

It ploechje fen Haeije Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige
Kokke en Gajus de Filder, Jan fen Minnen, Kaeije Klapdermarop en Brike
Lubbert, it âldermalste gespús fen Ljouwert stie op it hege pypke by de
Sint Japiksstriette en seach út nei de fearskippen, as se ek fé
oanbrochten for ’t wykmerk. ’t Hie sa lang ticht wetter west, nou
rekken marren en fearten wer iepen en as der altomets oare akkefytsjes
komme mochten yn ’e nacht, nou, den scoene se de noas der ek net for
oplûke. De rein sipere hjar by de nekken yn, hjar âlde plunje rekke sa
njonkenlytsen trochwekke en derom namen se sa nou en den in
hertsterkingkje út in greate flesse, út mear as ien flesse. En optlêst
bigoan der al ris ien to dânsjen en to sjongen, der wrakselen ek al ris
in pear om ’t sterkst, it skerp waerd’ al ris út ’e ské litsen en ’e
wrede kneppels swaeid.

Der kamen al mar mear by.... it rosmos, it útskiftsel fen Ljouwert
hâldde der yn de foarnacht op it Sint Japikspypke syn soosjeteit en dy
foarbykaem, koene se hast net fen ’e hûd bliûwe. En rache en skelde!!
it wie in griis!

De rein dripte en de nacht kaem oan, de tsjustere, lange
foarwinternacht mei syn teiwaer, syn hirde wyn en reinfleagen.... it
koe net minder en inkelen fen ’e bidaerdsten ribosken ûnder ’e wiete
klean en trapen hinne en wer, sims de Piperstriette yn ef ’t Breed fen
’e Nijested op.

Sa krigen se yn ’e fierte folk yn ’t fesier, in ploechje fen dy hate,
forspuide Frânsken. Hjar opskerpe eagen, wend oan nachttsjuster en
rein, hiene de koppen al gau teld en sjoen, hwa ’t de foarman wie, de
lytse Lefèbre. It gemien hate him as de pest.

De foarsten slûpten hastich wer nei it pypke ta en fortelden, hwet der
op komst wie. „Der wirdt ek wer ien opbrocht”, grânze Haeije Trompetter
twisken de tosken. „As ik wist, it fen Rhé soadtsje hat it bifel jown,
den tiggele ik der op, det se út inoar spatten”, en hy swaeide mei syn
swiere ikene kneppel, det it sûze der oer. De oaren gyngen hwet toside
stean, Haeije Trompetter wie net mak sokke tiiden en sloech yn moster,
hwet him tonei kaem. Hy wie forneamd as de bûnte houn, sa sterk wie ’r
en sa ’n rûzjesiker. Hy wie al twa kear gisele om fjuchterijen. „As it
my de tredde kear oerkomt, den stjert de man, dy-t it my oandocht, sá
wier as ik dit izer brek”, hie hy al ris sei en in hoefizer dwerstroch
brutsen yn ien feech, det de helten fleagen oer ’t koumerk. Nou woe
eltsenien it wol leauwe. Haeije Trompetter wie ek in kening yn syn
soarte.

In bytsje stuiterich stoarrele ’r de kant wer út nei ’t Breed fen ’e
Nijested. Syn eagen seagen hwet biwaseme, mar syn holle wie noch goed
helder. Dy him nou moete, krige in min portuer oan him. Heal bang en
heal nijsgjirrich kaem it hiele ploechje him skytskoarjend efternei,
nou al in tweintich man, licht ek mear, hwent yn ’e fierte hearden se
him al balten en oangean en syn fiten wierne sa wiidforneamd, det elts
kaem der op ta as op in pretsje. Der stiene ek al guont op de Wirdumer
dyk yn ôfwachting en in pear fen ’e loaisten brûkten de wiete stoepe
fen ’e Hopsek as sitselbankje. It wie in hiele tiidkoarting yn ’t minne
waer. Min scoe der wol in fijfje for oer ha ast moast.

De Frânsken kamen tichterby, nou sûnder monsieur Lefèbre. Dy wie noch
efkes nei minhear fen Rhé ta gien, om him de ginstige útslach to
fortellen en in hertsterkingkje to nimmen by blonde Katryn, de moaije
taepfaem fen ’e soosjeteit. Hwerom scoe ’r ek net? Dy Ripperda, as in
mak skiep, scoe wol feilich twisken syn soldaten mei foartrinne en hy
kaem wol nei yn in tel twa trije. Hy seach der wol sa ’n dronken kearel
om skermesearjen en mâlgûlen, mar ’t sin stie der him net nei, him der
mei to bimoijen.

„N’avend altosaem”, sei Haeije Trompetter op detselde stuit en swaeide
mei de âld hoed en roan hjar sa lyk foar de foetten, swaeijende en
mâltjirgjende wei.

„Foart man!” sei der ien yn heal hollânsk en scoe him oan kant reare,
om romte to krijen.

„Hui ris, ik bin gjin fanke, det dyn aeikes brek is”, stammere Haeije
Trompetter en socht in hâld oan ’e earste de bêste pylder en det wie
tafallich ek wer in opljeppene Frânskman, dy-t him in dúst joech fen
hwer-bin-jy-my. Do waerde Haeije Trompetter foargoed wekker en seach,
hwer hy wie en hwet hy diich. En by ’t feale moanneljocht seach hy ek
noch hwet oars: syn jonker! syn jonker Ryklef! der midden twisken yn,
twisken dy forspijden, dy kringen fen frjemde snúshanen. En hy spjalte
syn brede mûle op ta in divelse gniis en hy sette de fingers yn ’e mûle
en fluite forskûrrend. En draeide him do mei ien slach om en roan foar
it troepke út, swaeijende fen ’e iene kant nei d’oare.

De Frânsken bigriepen der neat mear fen. Hwet woe dy man? Hwet in
forsteuring! De foarman hope, monsieur Lefèbre mocht mar gau komme en
oarder skaffe, hwent hja foarderen gjin byt mear en ’t Blokhús wie noch
fierôf en ’t consigne wie: alles moast sa stil mooglik birûrre wirde.
En nou dizze healwize kearel mei syn gefluit en syn getipel mei dy
grouwe kneppel, al mar det geswaei. Hy fielde al ris nei syn sabel en
hjitte de oaren, itselde to dwaen en ticht oan to sluten, de finzene yn
’e midden. Sa kaem it, hja roanen hast skouder oan skouder Ryklef
Ripperda en syn oppassers.

It abbeseare sa stadich oer ’t Waechsplein en scoe ta ’t naue
Piperstrietsje yn. Der soeide de lantearne oan ’e greate izeren hâlder
foar de Hopsek, der wie in skimer fen ljocht en dy foel op ’e hege
stoep, hwer mennich pimpelder by nacht wol ris hwet pynlik ôfstroffele,
dy foel op in kloft aesfûgels, dy der stil stiene to wachtsjen op in
fette bút, by-ien fluite fen Haeije, dy foel ek op it deawite, greatske
antlit fen Ryklef Ripperda.

„Bistû ’t? Us jonker Ryklef?!” skreauwde der ien.

„Ik bin it,” klonk it optslach foars werom.

„It giet nou nei de dead mei him.... Der moatte wy by wêze.... Dy-t nou
moed yn ’e beulich hat, komme op! Scille wy him sa goedsmoeds smoare
litte? Kom jonges!” raesde Haeije Trompetter en bleau ynienen stean, sa
ûnforhoeds, det de soldaten wykten ien amerij tobek der yn det naue
strietsje, det trachterke en bleauwne stean. Fen efteren krongen de
oaren op, dy-t it fluitsjen mar al to goed forstien hiene, al wisten se
net krekt fen ho en hwet en foaroan stie Haeije Trompetter, lykme
allinne, troch ’t razene hinne. Syn jonker oanrânne, syn jonker
giselje, sa ’s fen Rhé him en syn jongkje dwaen litten hie, syn
jonker.... miskien.... wol deasjitte....

Né!!

En mei in skreau sloech hy der yn, earst rjuchts, do lofts as wie ’t op
in plezierich commando. De Frânsken rekken út it gelid en skûrden oan
’e ské om ’e wapens, mar eart se se hiene, krongen de oaren fen efteren
op, nou wol in fjirtich man en warden hjar mei fûsten en kneppels. It
waerde in moardpartij der yn det naue strietsje en ’t gekjirm en
gejammer gjin ein. Hja fochten en wrotten de Weaze-kant út, al mar
mear, hwent der op ’e soosjeteit hoechden se it net to witten, ho-t de
hotte en ’e file inoar hjir rekken, yn ’t mâlle. Hwet sieten de ljeave
hoeders yn ’t onleech! Hja skûrden hjar de wapens út hânnen en sloegen
hjar de koppen yn smots en do-t Haeije Trompetter se sa wrakseljende
wei ticht oan ’e Weaze ta hie, pakte ’r mei ien foarse greep Ryklef
Ripperda út it foarmidden wei, briek it ket fen ’e hânboeijens
dwerstroch, as it in spantou wie en stompte him yn in stomp twa fier de
Weaze út. „Nei ’t hûs fen Jan Swel en oer ’e stedsgreft to nacht,”
flustere ’r en noch ien fearige triûw.... Ripperda stie allinne en frij
op ’e forlittene Brol.

Ho-t hy it foun hie by nacht, wist ’r sels net, mar hy bilânne by Jan
Swel yn ’t bolwirkshúske en kaem dy nachts bihâlden oer ’t heal
weiteide iis fen ’e greft, krûpende wei op in lang ein planke.

En de oare nachts, yn ’e neinacht, waerde Wibe Lubberts opkloppe.
„Giest der ôf, der ’s swierrichheit by ien fen ’e bûrljue,” sei syn
wiif.

„’t Scil wol hwet oars wêze,” sei hy en diich ’t izer fen ’t blyn.
„Hwet is ’t, mei goedens ef mei lilkens?”

„It is Oranje yn ’e rouwe,” andere ien hiel sunich.

Ho raer harke Wibe Lubberts op! Ho gau hie hy de skoatels fen de doar!

Ripperda hie wer in thús, al wie ’t den ek mar for in deimennich. Hwer
den syn wegen rinne scoene, hy wist it net. Mar hy ûnthjitte himsels,
noait wer in foet yn Ljouwert to setten. Hy hie nou de dead yn ’t
antlit sjoen.... it waerde tinken. Den tûzenris ljeaver in dea op it
slachfjild, hwerearne den ek, as yn ’e kloeren fen fen Rhé to forfallen
en stadich deamartele to wirden.

En dochs.... de tiid fen ’e died bigoan to rypjen.... it lot teikene
him nei in fêst plan syn wegen foar en wolle ef net, hy moast komme en
folgje alle wûndere krinkelpaden. Hwersanne se him liede scoene, hie ’r
net de flauste biseftheit fen, allinne dit wist ’r, det der selst yn ’e
heechste need in útkomst tichteby wêze kin, in útkomst sa great en
wûnderbaerlik, det gjin minskeforstân der by kin.—

Haeije Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige Kokke, Gajus de
Filder en Kaeije Klapdermarop, Brike Lubbert en Jan fen Minnen, det
hiele ploechje en den noch sa ’n fyftsjin man, pakten se op, do-t der
help kaem fen alle kanten en brochten se sjongende en razende nei ’t
Blokhús en der rekken se opsluten yn ien great cachot. De cipier waerd’
binaud en der moast hynstefolk komme en hâlde de wacht foar de poarte,
oars lei hy syn affysje del, sei ’r en koene se der sels mei oanpiele.

Fen Ryklef Ripperda tael noch teiken, de groun like him wol opslokt to
hawwen.

Fen Rhé krige hast in flauwte fen breinroerens.... op itselde stuit,
det Lefèbre him fortelde, hja hiene him en ho maklik! moast ’r hjar
noch wer ûntkomme. Poppéus lake syn domste gnyske, do-t hy it hearde en
fortelde it mei kleuren en geuren thús en wreed sei hy derby, as se dy
lânforrieder nou wer krigen, den scoe ’r gisele wirde krekt sa lang,
det ’r it bistoar en syn flaue skylfiskeagen hjar loaitsen wykten net
fen syn wiif ôf. Dy seach gledwei oer him hinne en gyng greatsk ta de
keamer út.... mar yn hjar herte, o der stoar se noch tûzen deaden om dy
man, om dy man, noch altyd dy en noait in oaren ien.

In wike ef hwet letter wie der wer in great feest to Ljouwert en wol op
wykmerkdei yn ’e neiwinter, as it fé wer los komt de útteide fearten
lâns, de hinneboeren de aeijen wer by ’t koerfol yn ’e sted bringe en
de earste protters tsjotterje yn ’e platsnoeide, keale linebeammen.

De moarne ier en betiid bigoan it folk al to rinnen, guont forsûmmen
der hjar affearen om en de bern krigene frij fen skoalle om der by wêze
to kinnen. Haeije Trompetter en syn kornuten scoene ommers gisele
wirde, nou der moast min by wêze, oars wist min ommers net, det min in
stedtsjer wie en de ljue hingelen op ’e stoepbanken om en kleauwen yn
’e keale beammen en sieten op âlde mûrstikjes en poartsjes, om hjar
dochs mar neat ûntgean to litten. In inkelden great minhear kuiere
swierich troch it folk, de prûk fris puiere en de ebbenhouten
gongelstok, de ivoren knop foarút, ûnder de earm. It folk groete fol
ontsach en earbied.... heart min sa net to dwaen for de greaten, de
útdielers fen ambten en forjowingen en ’e lytse baentsjes, hwer de
greate foantsjes oan rinkelskelje? Dy-t de holle ’t earste bûgt, stekt
him ek it earste wer op, nou? En de hunich yt it swietst, as min der
net al to lang oer hoecht to garjen.

Der kaem de koets fen âlde minhear fen Rhé oanjeijen, hielendal yn ’t
forguld, fjouwer hynsders derfoar en hok foarren! sokken seach min
nearne! En de readsidene gerdyntsjes wiid foar de gleskes weistrutsen,
det min seach d’ âld hear sels yn al syn gloarje sitten en neist him
syn soan, monsieur Poppéus de Rhé, onforskillich en deftich yn ’t
swart, in greate pelskraech fen astrakanfel om ’e hals mei in goudene
sluting fêst ûnder it plodsige wite kin.

„Romte!!” raesden guont út it folk, slij nei in posje to gelegener
tiid, „romte for boarger fen Rhé,” en hja stouden oan kant en hiene ien
amerij hjar niget oan al dit moaijs en loerden skean nei de koetsier
syn kleurich pakje en wedden om in duit sûkerslakken, ho faek de
jaspânnen fen ’e hearsfeint efter op it plankje noch hinne en wer wippe
scoene, eart ’r der by de Blokhúsbrêge ôfsprong.

Mar ien wie der ûnder it folk, dy hjar antlit bleau stiif en kâld en de
mûle forweegde him net ta in groet ef glimke, as allinne, do de koets
deun neist hjar wie, sa det de eagen fen Poppéus fen Rhé en hjarres
inoar moeten, hearde ’r ynienen forheard, ho se him forflokte mei hjar
djippe donkere altstim, in freeslike forflokking en noch freesliker
dreigemint yn ’e eagen, det der gyng him suver in rille fen oer de lea
en hy sloech syn mantel tichter om him hinne.

Hwa wie det wiif? Dy moaije gleone brune eagen, hwer hie hy dy earder
markbiten? hwer earder dy skerpe tear sjoen twisken de swiere swarte
eachsbrauwen, hwaens sierlik biloop hy selst yn dizze nuvere sitewaesje
biwondere. Der efkes oer streakje, de fingers yn satanise lokking, om
frouljueseare op ’e fjûrproef to stellen, al mar oan dizze foarholle en
syn moaije bôgfinsters to aeijen yn ’t healtsjuster fen in stille
opkeamer, ont einliks dy eagen hjar forsêftigen en stadich it
dreigemint der yn forstoar, om rûmte to jaen for in gloeijende, oare
loaits.... ho scoe ’t him noaskje....!

En stadich forheuvele ’r him hwet út de djipte wei fen ’e sidene
kjessens en seach op nei det fromminsk.... twang yn ’e kâlde blaue
eagen.... twang. De wylde freugde fen ’e jager om in nije bút polske
him troch ’t bloed, jage him in flau read nei de bleke wangen. Eart de
joun foel, woe ’r witte, hwa ’t dizze wrang-swiete hunichblom wie, dy
sa ’n forflokking op him delsaeije doarst en o mieri sei! nou selst in
lytse fûst nei him útstiek! Hy glimke fyntsjes, de koets ried fierder.
Hy seach, de eagen nou heal ticht knypt oer it folk hinne, it plebs,
det krûpend wjirmet op ’e groun, det min sparret ef dea trapet, al nei
’t yen haget en seach noch altyd yn syn forbylding dy lytse fûst der al
mar swaeijen op it stevige standerke fen in mûtele roune brune earm.

De giselpeal hie ’r gled forgetten en hwet der sa daedlik barre scoe.
Dy skild hat, moat mar ris mei bollesmoar linich slein wirde en
krepeart der al ris ien, nou hwet scoe det den noch? Bargen genôch om
’e trôch, ien minder, den dije de oaren namsto better.

De Blokhúsbrêge kaem del, lei sljucht en de koets fen boarger fen Rhé
rôlle der oer. De wachten stiene mei de gledde houwdegen út ’e ské, de
cipier yn saun bochten yn ’e útdoar en efter him loerde de beul skean
nei de hege hearen, hwaens bifélen hy aldertigenste goed hope op to
folgjen, hwent hy wiste fen in pong en der tsjien goud-gounen yn for
ekstra wirk, det de ljue hjir hjoed ris in goede ôflear krije scoene,
hwent det opstean tsjin it bêste Frânske gesach op hokfor wize den ek,
moast nou mar ris út wêze, hie boarger fen Rhé sei en der koe hy,
Winnewink fen Haerlim sines ta dwaen. Derom hie ’r ek nije kneppels
bisteld by de Balkster ikeskylders en dy fornagele mei fine, gemiene,
skerpe tingeltsjes. Hy koe syn fak.... boarger fen Rhé scoe der eare
mei ynlizze, det se him sa bitrouden.

Yn in moaije keamer, rjucht foar it Blokhúsplein oer, mar op sa ’n
distânsje, det min koe wol alles sjen en dochs neat fen it geskreau ef
gejammer hearre, der stiene de stoellen ré for fen Rhé en syn oanhang,
de kofje en de swietekou en de nije lange pipen en der de geurigste,
djûrste toeback by. Monsieur Lefèbre kaem en ek in stikmennich fen syn
frjeonen, kwanskwiis, om de fortoaning ek to sjen, yn wierheit, om as
’t nedich wie, fen Rhé en dy to biskermjen tsjin it folk. De cipier
hâldde ek syn folk ré, as ’t wêze moast, wie de flapbrêge yn in tel twa
op en al hwa ’t binnen wie, wie feilich.

Stadich stapte der in kloftsje soldaten ta de poarte út, oer de
brêge.... noch ien en noch ien. Isegrinich tochte fen Rhé, as der dy
joune mar safolle west hiene, den hie dy oranjekraeijer nou al lang
njúd west. Hy mocht dit nou dwaen út in soarte fen wraek.... it wie nou
dochs einliks moster nei de mjiltiid, pluchsneijen as de skoech
forsliten is en ta neat mear nut.... En hy knaste op ’e tosken om syn
falikante birekken.

Wer plompten swiere stappen oer ’e brêge. Omsingele fen in mennichte
fen swartkoppen waerden de finzenen nei ’t Blokhúsplein ta dreauwn, twa
oan twa, de hânnen boun, it buis los om ’e neakene rêch hinne slingere,
de koppen keal skeard en bleate foetten yn ’e kjeld. Brike Lubbert, dy
stimper, koe hast net meikomme, hy krige sa nou en dan in lawibes fen
ien fen ’e beulsfeinten.

It folk grommele. In great meager wiif smiet in hânfol bidoarne aeijen
nei de soldaten. De djirre spatte hjar om de earen en guont minsken
laken. Do-t brike Lubbert de giselpeal seach, bigoan ’r earmhertich to
kriten en rôp om help.

It folk waerde stil en seach.... seach. Hwer bleau Haeije Trompetter?

Einliks, twisken wol hûndert man foetfolk yn, pipenuten by him, der
kaem ’r oan, steil en rjucht, in ein kearel as Greate Pier, de
kealskearde holle wytbloun fen ’e lytse oanwinnende hierstoppeltsjes,
de tipnoas greatsk en eigenwiis yn ’e wyn, de wrede blauwe eagen
ûnforwrikber op ien punt yn it folk, hwer ’r syn wiif wiste.... Hjar
eagen moeten inoar.... en nou, nou! koe ’r alles drage! hy wiste him
sterk, sterk yn it bisef fen hjar bywêzen, hjar meilijen, hjar ljeafde!
En om him wiste ’r it folk, it laech, hwer hy út foartkaem wie en det
it mei him hâlde scoe, stil en fûlbânnich, wist hast yn elts hert, det
der nou kloppe op dit binaude pleintsje, ljeafde en trou oan Oranje,
selst al sei hjar mûle út freez sims oars. Hy koe gjin freez, hy
hildige de leare fen ’e klap, dy-t min birintsjende wei werom jowt:
lear om lear, slachtstû my, ik slach dy dûbbeld wear....

En fen him scoene se net in kik hearre.... Hy bigriep it wûndere skoan,
fen Rhé en syn oanhang en boppe al dy sloppe soan, sieten wol
hwerearne, om hjar formaek mei him to hawwen, om him krimpen to sjen as
in strûpte iel oan hjar foetten. Hja scoene bikaeid útkomme, der koene
se op oan. Der wie in soarte fen forhoalene blydskip yn syn hert.
Strakjes, oer in ûre twa trije, den wie dit leed lit, gyng ’r nei hûs,
scoe ’r Dúfke sjen en ’e lytse jonge, al wer oanwoan yn dizze
wykmennich. En dit wie him great, dit wie it hearlike, gjin priis scoe
him to heech wêze for de frijheit fen Ripperda en yn him for Oranje.

As in kening stapte hy, de âlderlêste nei it rjuchtplak. De hânnen
jûken him en trillen yn ’e swiere izeren boeijens, do-t hy it mei
oansjen moast, ho se Gajus de Filder en Skilige Kokke tramtearren.
Gosse Ketsje foel fen him sels en hja smieten him in pear ammerfollen
wetter oer ’e neakene lea en rosten der wer op. Brike Lubbert earmoede
sa alderdierberst om genede, det hy kaem mei fiif en tweintich
stokslaggen frij, do krige ’r in skop en foel om by de treppen del,
waerde op in bjusterbaerlike menear opfandele fen in pear kearels en
foartbrocht nei hûs.

In stik ef seis soldaten, scoene him nou by ’t trepke opstompe. „Lit
mar los, pjutten”, grânze ’r bidaerd, „ik gien wol”....

De beul skûrde him it buis fen ’e hals en boun him sa stevich oan ’e
peal, der wie forwrikken noch forwégen mear oan. De feinten holpen him
nei bihagen, tûk op in dúbbelstûr en in joun frij mei frij fortarring
yn ’e Hopsek.

It folk seach det alles oan.... en swijde.... De wrok groeide.... Der
waerde net lake en opswetst sa ’s by de measte giselings.... Hjir siet
mear efter as in stellen skiep ef in kreauwerij ef in stikken rút....
Dit rekke it hert yn syn djipste roersels.... hjir waerd lit om in
saek, in saek, dy tûzenen nei oan it herte gyng.... It gemoed rekke
oerstjûr. Guont draeiden hjar om en gyngen skodholjende foart.... Net
fier fen him ôf seach ’r doctor Falentijn stean en âlde minhear
Ripperda. Hja nikten him ta. Dy hearlike âlde tiid! de Ripperda’s, de
Scheltinga’s, nou alles foart! foart! en der foar yn ’t plak dizze
bloedsûgers, dizze beulen!

De bollepyst hagele op ’e brede, sterke rêch en de fornagele stôk spile
net swak by. Der bigoan bloed to siperjen, earst in drip ef hwet, do al
mear en mear,

It waerde allegear bloed, in ôfgrys om oan to sjen, det sterke lichem,
det him net forwarre koe tsjin dy wrede giselder, dy mûle stom, en
ticht.

It folk swijde en litte mei. Hwer fen Rhé sa fjûr bang fen wie,
biskripte ’r nou sels yn syn forbline haet tsjin de Ripperda’s, Haeije
Trompetter him seach it folk as in martler for de goede saek, en
hûnderten, oars lau en ûnforskillich, kearden nou om as in bled oan ’e
beam en, bikenden kleur for hjarsels.

By kloften stouden de minsken nei hûs, drok pratende, det wierne de
gefaerliksten net, mar de stillen, lyk as Wibe Lubberts en Foppe
Lieûwes, foarenoan derby en Joege Innes fen Boerum en master Marten
Joukes fen Driesum, der groeide de tins nei dieden yn, sterk en wyld en
bidachtsume taei.

De lêste slach mei de stôk, de fiif en sauntichste, kletste op ’e
bloeddrige rêch. De beulsfeinten seagen it triljende fleis, gniisden en
sniene him los.

„Ho hat it foldien?” frege de beul spotsk en joech him in optuter, det
hy trûzele fen ’e forheging ôf, plof twisken it folk.

„Wy prate wol ris wer, as dyn jonge op in joun net wer thús komt”,
andere Haeije Trompetter oerstadich. De beul waerde sa wyt as in doek
en moast him oan ’t hek fêsthâlde.

De bloedbiroanne eagen wiid op fen pine en razenheit, eage Haeije
Trompetter stiif yn ’e fierte, hwer hy Dúfke stean seach, in lyts
protsje gûd tsjin de stamme fen in âlde kastanjebeam, it antlit oer en
oer biskriemd fen bittere meilijens triennen en in djippe tear as in
heimsinnich dreigemint twisken de sêfte, alderljeaflikst teare bochten
fen ’e eachsbrauwen, hiel donker yn ’t jonge fel.

Hja waerden hastich wei yn ’t gewoel en yn in hiel lyts keammerke rekke
’r op bêd. Der kaem fûl fleis by en matearje, koartsen teisteren it
sterke tobûke lichem, slimme wounkoartsen en doctor Falentijn kaem en
siet sims de heale nacht foar ’t bêd en forsoarge mei syn wiif it earme
lichem en wosk de djippe wounen fen ’e rêch, der mar gjin rouwen op
komme woene en net hjilje. En âlde Ripperda kaem en Falentijn en al de
oaren, it steechje hie noch noait sa ’n staesje kend fen koetsen, dy
suver rearende wei oan ’e mûrren lâns ride moasten en sims gyng ’t
waerliken net iens sûnder kantroeren en hja brochten fen alles, hwet
mar lekker wie en jild by hânfollen, det Dúfke hie ’t noch noait sa rûm
hawn.

En einliks dage der in dei, do woan de sterke ynhâlden it fen de
syktme. Haeije Trompetter klauwde by de wâl op, hy mocht wer in brogge
mei spek en kibbe op ’t wiif. Det wie betterskip! en hja lake him ta,
in loaits yn hjar brune eagen, hwer it him hjit fen oer ’e lea gyng as
it simmerfjild fen in soele wyn en hja stiek in hiel lyts hantsje nei
him út en lake noch lokjender, de toskjes krytwyt twisken de reade,
soune, frouljuesweake lippen. En hy krige wer lust yn it libben en liet
him fen ’t bêd ôfglide en stie midden yn it keammerke hjar op en del
oan to sjen.

Laeitsjend fleach se nei him ta en wie net bang fen ’e earms en ’e
hânnen, dy-t in hoefizer to brekken neat wie.

Simson syn hier woan wer oan en dizze reboelje rekke al gau yn ’e
fegyljemounle, hwent min hearde fen oare, frjemdere dingen, it gerommel
fen in slim swierwaer yn Frankryk en wûnderlike fiten fierôf ef
tichteby en Haeije Trompetter hâldde him yn ’t earst oan sa kûsse stil
det, min hearde him net iens op ’t fémerk ef by de snikken. It hier fen
Simson wie noch to koart.... it moast earst wer groeije.... en den....
ja den.... Der wie mar ien, dy-t him sa goed koe, det hja wiste, hwet
al dit bitsjutte en dy-t him ornaris stjûre koe as in laem, det wie syn
lyts wyfke, syn pipenútsje en hja siddere, as hja der om tochte, hwa
nou yntkoart syn wrake treffe en ho-t dy útfalle scoe. Hwent dit op him
sitte litte, noait! En as se him ûnderstie oer ien en oar, den lake ’r,
de brede geve tosken bleat en hâldde hjar pleagjend fen him ôf en sei,
hiele lytse wyfkes mei sokke moaije eagen moasten net sokke domme
dingen freegje oan greate manljue.

Nou wie hy den wer better, mar hy bleau sa stiif as in peal. Do moast
Gajus de Filder, wiidforneamd om syn wriûwkinst, komme en dy kaem der
deis trijeris oanhompeljen op syn knolfoet en knypte en striek en aeike
him den sa gemiene goed, det Haeije Trompetter flokte him heas fen pine
en tankberens. Mar it holp, it dûrre al net sa bare lang, as mei syn
help en it biproefde middel fen âlde Betteke út it gasthús,
hynstemoanjefet, griene oalje en brandewyn, fielde Haeije Trompetter
him op ’t lêst wer sa linich as in baleinen swipe yn jongfeinte hânnen.

Do hiene se op in joune in wûndere ontmoeting. Hy siet hwet to
pluchsnijen for de skoenmakker en pluze der in jounbrogge by op en it
wiif siet der by to fesje forsetten for de jonge, do waerde de doar op
dien en der stie me dy rike minhear Josua de Metz fen Amsterdam foar
hjar noas. Hy koe him wol.... al sont jierren koft ’r it bêste fé fen
’t merk op en de minsken setten him allegear heech, hwent hy scoe nin
earmen driûwer om in sint bikrinke en tingje him ’t hert út it liif en
hy bitelle graech goed jild for goed gûd.

Hja rekken allebeide hwet fen ’e wize, hy en ’t wiif en stiene rjucht
oerein de bisite oan to sjen. En waerliken, efter him oan kaem âlde
minhear Ripperda ek noch en minhear Baerdt. Hy, Haeije Trompetter wie
bang for nin divel noch donder, nou waerd it him dochs krappernôch en
for ’t earst yn syn hiele trouwen seach ’r, ho lyts en earmoedich syn
keammerke wie, ho sober it húsrie, ho rikkerich it skiûwdefjûr! Mar
skjin! skjin! Gjin wiif yn hiele Ljouwert koe tsjin syn Dúfke út!

„Joun!” seine de hearen, de rike Josua de Metz it earste en
alderdanigste frjeonlik en hy kaem op him ta en stiek de hân út. Nei
him! nei him! nei Haeije Trompetter, trijeris gisele, earme
forskoppeling yn in steechje! stiek in ryk minhear, stiek minhear Josua
de Metz fen Amsterdam de hân út, in moaije skjinne wite lytse hân fol
ringen en kostlikheit. En hy krige him foarsichtich yn syn forile knúst
fol barsten en groeden, mar ek goed skjin, en hja fûsken. Mar hy waerde
suver raer fen dit gefal, syn skonken trillen der him fen en hy seach
skean nei ’t wiif om help. Frouljue binn’ redsum, hwer in man, stadich
fen bigryp, net in mûzzegat fine kin, sjogge hja noch wol in skûrredoar
iepen.

„Gien sitten, hearen!” sei se en det wie mar hânsum trije stoellen by
’t bedsket wei en om ’e hird hinne, hwer yn ’t moai opstoelle
skiûwdefjûrrountsje de houtsjes knapten. En alsa sieten de hearen en
hja ek, mar op in earbiedige distânsje en diene it swijen der ta en
biskammen hjar djip yn it hert oer hjar needrigheit. O dit holderhúske!
dy toskeinde reauwkes, dy âld tafel, hwer gjin drip farwe op siet! Mei
hokker nidasserigge eagen seagen se it joun!

Minhear Josua de Metz naem in snufke út syn goudene snúfdoaze en mei in
swierige bûging noege ’r de oare hearen ek to priûwen. Do brimde ’r ris
en sette fen ein mei syn petear, wylt ’r frege: „Wer hielendal de âlde,
Haeije? Ik hearde sa fen ien en oar....”

„Det scoe ’k sizze, minhear”, andere dy, bliid, det ’r de mûle opdwaen
koe, hwent dy finnige lytse eachjes fen dy Amsterdammer, der hie hy it
einliks mar neat op stean. Dy seagen him tróch en der wie wol ris in
skûlherntsje yn syn hert, hwer hy ljeafst mar nimmen ta ’n yn loere
litte woe. En hy strûpte de mouwe fen ’t baitsje op oer ’e earmtakke en
minhear Josua de Metz seach de sterke earm en der skean oerhinne de
reade groeden fen ’e wrede striemmen. De wounen wierne hiel, mar de
groeden? dy scoene der noch jierren bliûwe! En hy tochte om ’e sterke
rêch fen dizze reus en ho dy wol lykje scoe! En hy riboske ûnder syn
waerme tichte mantel.

En minhear Josua de Metz knypte de lippen stiif op inoar en makke yn
dizze amerij in birekken, in nuvere birekken, hwer selst minhear
Ripperda en minhear Baerdt, âlde, bitûfte rekkenmasters fen wit hofolle
saken en affysjes gjin flau bisef fen hiene.

„En ha jou al wer wirk? Nei ’t sin?”

De brede mûle fen ’e reus waerde noch greater fen in glimke. „’t Is by
de runmounle en fjouwer goune wyks. En jouns noch learsnije, hiele
lapen. De learloaijers leanje net al to ryklik. Den noch pluchsnije. En
yntkoart wer de bisten.”

„Dos jy ha al wer bisten dreauwn?” en minhear Josua de Metz seach
skerp. Wist ’r al, det in patty him de bisten ûnthâlden, omt se bang
wierne for de Frânsken? Det ’r al twa kear op ’t merk west hie en gjin
oanslach krije kind hie? Der loek him in flau biwyske read oer ’e
meagere, biklonkene wangen.

„Noch net, minhear”, andere hy hwette mismoedich, „yn nije wike scil ’k
it ris wer bisykje. Myn fêst plak wer ynnimme.”

„Hwer is det?”

„Op de hoeke fen ’t steechje, det nei de Nijested ta giet. As minhear
ek ris hwet for my hat....”

„Det ha ’k”, sei minhear Josua de Metz der ynienen flotwei oerhinne,
„en der komme wy hjir om. Wy Israëliten binn’ Oranje ek tagedien en wy
ha heard, det jou it ek binne en ’t biwys levere ha. It biwys fen de
dingen, Haeije.... der komt it op oan. Jou ha nou alle patriotten
tsjin.... as ’t kin scoene se jou wol fen honger krepeare litte wolle,
omt jou it for Oranje opnaem ha yn ’e persoan fen jonker Ripperda. En
sjoch, der scille wy nou ris in stokje foar strike. Ik moat in nije
preamfarder ha for myn bisten nei de sted fen Amsterdam ta. Der sit
gâns jild ûnder, sims tûzenen en derom, ik moat in man ha, dy-t ik yn
alle stik bitrouwe kin. En dizze hearen hjir neamden jou....

„Minhear!” rôp Haeije Trompetter en koe hast net mear stilsitte op ’e
stoel. Mar Dúfke skodholle stoef en Haeije Trompetter siet wer as in
laem, alhowol hy trille oer al syn lea, sa raer waerde ’r fenbinnen.
Giseljen wie neat by dit.

„Hja neamden jou”, gyng minhear Josua de Metz troch mei syn praet, „en
dy-t fen sokken in goed getúgenisss mei kriget, dy kin ik wol yn myn
tsjinst nimme. De nije pream, in bêst iken-ien mei izeren bânnen
bislein en in roefke for ’t gerief, is al ûnderweis hjir hinne en scil
klear lizze yn ’e Snitser feart. En der farre jou op nei Amsterdam for
myn rekken alle wiken. En der binne jou baes mei twa feinten ûnder jou.
Dy kinne jou sels wol hiere. En for kosten is hjir noch fyftich goune.”
En hy krige it pongkje út de bûs en telde it jild op ’e earmtlike tafel
út. Dy hie noch noait it gerinkink heard fen tsjien goune, lit stean
fen fyftich! fyftich!! In kaptael, in takomst, in jildwinning, in eigen
húske, in douwehok, en simmers sims to fiskjen nei de mar ta, Dúfke en
de jonge mei, in hearlike lange sinneskyn dei!

Hy wie sa forslein, det hy sei gjin wird en liet it jild stil op ’e
tafel lizze. Hy seach fen Josua de Metz op Baerdt en den wer op
Ripperda, it wie him allegear to great, om dit leauwe to kinnen. Jister
noch yn ’e slimste druk en nou ynienen yn ’e folop! En hy fielde him as
de skoaijer út it mearke, dy-t sliepende wei yn ien nacht kening waen
is.

„Nei de Reade Sé fen binauwinge komt der altyd in Kanäan fen
hearlikheit,” sei minhear Baerdt hiel plechtich mei syn swier lûd, hwer
it lytse keammerke noch lytser fen waerde. „Krij mar oan, jonge en wêz
bliid mei ’t wyfke. It lot is keard, Haeije.”

Do bigoan Haeije Trompetter einliks to praten, hiel stadich, krekt as
moast ’r de wirden ien foar ien ta de kiel útwringe. „Minhear scil net
bidroegen mei my útkomme.... ik bin der.... tige bliid ta.... ’t
aldermeast for ús.... jonge.” En hy stiek de greate hân út en rearde yn
ien taest al dy skoane gounen nei him ta. Do seagen syn wrede, earlike
eagen yn ’e lichte en sochten it antlit fen ’e lytse âlde joad en der
yn de snoade swarte giteagen, glinsterjend as kralen en de loaitsen fen
dy eagen troffen inoar en elts for oar lies der yn, hwet ’r witte woe
en ’e bifestiging fen inkelde oare dingen.

Seis dagen letter stie Haeije Trompetter yn ’t rountsje fen al syn
getrouwen op ’t wykmerk. Hy hie him ’t hier knippe litten en fetsoenlik
skeard, hy hie in nij buis oan, in lekkense pet op en prachtige nije
klompen, gleon op glânze, mei greate bosken strie der yn, oan ’e
foetten. Dúfke en ’e jonge stiene fen fjirrens mei in optein sin dit
alles oan to sjen. Gol wonk ’r Brike Lubbert, Gajus de Filder, Gosse
Ketsje en Kaeije Klapdermarop en hja fandelen it fé for him fen ’t
merk, det minhear Josua de Metz dizz’ kear koft hie. En it wie gâns in
poarsje.

En sels krige ’r de âldermoaijsten by ’t hoarntou, in pear fen dy
alderkostlikste bistkes, suver siden fen fel en fyn fen kop as
jifferkes en der in pear hoarnen op, as wierne se bislipe, der wie nou
suver gjin wryt noch slyt oan! pronkjes wierne it! en hiel stadich
kuiere ’r net troch ’t steechje nei de Nijested, né, hja gyngen ’t
hiele merk lâns, de Wirdumer Dyk op en sa nei ’t Breed fen ’e Nijested
ta. Alle âlde getrouwen der efteroan en alle Ljouwter bern en hounen
fen fjirren. Der hat noch nea in kening sa yn top fen gloarje stien as
Haeije Trompetter dy moarne.

En by de Waech, der lei de nije, greate pream klear, sines. Der stiene
de feinten to wachtsjen, der hy baes oer wie, der stie minhear Josua de
Metz op him to wachtsjen, nou syn breahear en hokfoar ien! En hja
biseagen en bitûmken de kostlike bistjes noch ris en do hearde ’r as in
moai mesyk it bossen fen hjar poaten oer ’e barte yn syn pream!

En foar ’t finster fen ’e soosjeteit, der stie âlde fen Rhé to smoken
en ’t wykmerkfortier oan to sjen. Sûnder erch seach ’r sa nei it folk,
nei it fé, nei dy greate kearel, dy-t boppe alles útstike. Haeije
Trompetter, dy smycht! wie dy det? Op syn Sneins! suver yn ’t brat as
in riken rintenier? En hwet moast dy der by dy pream fol bisten?

Hastich liet ’r de skel rinkelje yn ’e hân. Sibren, de jonge út it
Wetterlân, al sont tiiden syn hantsjemoaisknecht en neisneuper fen alle
ding, hwer greate jonges de noas mar ynstekke doare, kipe om ’e hoeke
fen ’e doar. En dy al gau, wiis fornim der op út.

It wie Haeije Trompetter, ta eare en oansjen kleauwn. En fen Rhé, âlde
bitûfte foks, bignúvde det spultsje fen fjirren. Ripperda kaem en fûske
mei dy joad en Falentijn en Hopperus.... Do wist ’r genôch.... Haeije
scoe de ôfgesant wirde twisken Ljouwert en Amsterdam fen dy
oranjerazers. De brieven rekken wei.... nou founen se der dit op. Hy
gnyske húnsk en forflokte lûd de dei, det hy dy dogeneat giselje litten
hie. Det skreauwde wech en der wear. Min moast folle stilder wraek
nimme kinne.

Hjir setten se him nou pyk mei. Scoe hy oan ’e koartste ein lúke
moatte? scoe ’r?

Hy koe wol gûle fen spyt.—




IX.


Oan ’e âld Harstewei tichte by Iestrum en hielendal forside yn ’e
beammen, stie in húske. Brekfallich wie ’t, de lûken hingen mar heal
mear op ’e hekken en de measte rútsjes, nou der blies de wyn troch. It
stie der sa forlitten en iensum, nimmen liet syn each der oer gean as
op in joun in man, dy-t der stadich oantrêdzjen kaem, sims foarsichtich
om him hinne seach en do mei ien sprong oer it sleatsje wie op it hiem
en him tomûk nei de hússide joech, hwer in lytse útdoar yn ’t brike
kosyn hinge. Hy fielde ris ûnder it tek en ja waerliken, de kaei wie ’r
en sûnder in bult geskermesear krige ’r de doar op en gyng yn ’e hûs.
Binne-yn like it hiel hwet better as bûte-om. De liemen flier fen ’e
keamer wie skjin oanfage en mei wyt sân bistruid, der stiene in pear
banken en in stikmennich stoellen en yn ’t foarmidden in greate
trijepoatige klaptafel. It forwûnderlikste wie, op ’e hird barnde in
lyts fjurke, nochlik glimkjend mei lytse biwyskes fen in lôge en derby
stie in greate swartrikke tsjettel. De man hifke him ris en hinge him
do oan ’t hael.

Do gyng ’r stil foar ’t fjûr sitten en wachte op ’e dingen, sa ’s hy
wiste al op kommenswei. Mar al ringen bigoan him det wachtsjen to
forfélen, hy diich de útdoar ris yn ’t kear en seach om him hinne, alle
kanten út. Neat oars as bosken en beammen, hege diken en op ’e groun it
toarre, noch wintereftige gêrs. Der flonkeren al in pear stjerren....
yn stúdzje wei kúrde hy der nei.

De stiltme bineare him suver hjir yn dit iensume hûs. De fûgels wierne
al stil, in flearmûs tûmmele om twisken de beammen as in biwjukke
tsjamme en nei de kant fen ’e mar skreauwde in reiddomp. In oaren ien
trompettere der tsjin yn: Kom ris op, ast doarst. It wyfke scoe wol yn
’t onlân tahâlde, hiel yntkoart bigoan der wer ljeafdetiid en
ljeafdestryd. Sels fielde ’r ek al de hearlike nije kreft fen it jier
yn syn jong sterk lichem.... hy doarst ek wol, moed hie ’r, ja det
sikersonk!

Der krêken in pear tokjes op de dyk en do ’r omseach, liet in âld man
him stadich by de steile kant delglide, de hân oan in stevige
hazzenúttetokke en wie mei ien sprongkje oer ’e dyksgoate en by him.

„Foppe-om!” sei de jongste bliid.

„Wiestû der al lang, Wibe?” frege dy.

„In skoftsje. ’t Is noch betiid, mar ik koe tomûk foartkomme efterút en
do de âld Dyk del en oer ’t Heechsân en sa wer oer ’e lânnen hjir
hinne. De wei om is net bitroud. Strúnders planteit en yn elts hûs
Frânske ynkertiering.”

„Soksoartige útfenhûzers ha ik fjouwer,” forkleare Foppe-om. „Twa fen
Eadske hjarres hie ik al en nou noch twa der by. It soppet rûm yn
oarremans petyljen, tinke dy Frânsken grif, mar myn miellen wirde lyts,
jonge. As ’t sa troch giet, rekket Foppe-om oan reapsein, den moat de
stôk yn ’e hals, der is sa gjin fordidigjen mear oan. It libben wirdt
stadichoan it Fryske folk ta ’t lichem útknypt.... O Wibe, det it sa
komme moat mei ús, ús Stedhâlder, ús folk....!” en Foppe-om balle de
âlde stramme fûsten.

„Stil,” sei Wibe Lubberts.... „hark!.... der is hwet!”

It waerde al skimerich, de moaije folle moanne kleau, in sulveren bal
oan ’e loft, mar de jounglâns wie ek noch net alhielendal wei en as in
skynsel seagen se út ’e fierte in great swart ding oankommen, noch
swarter as de joun. It blykte in âld hynsder to wêzen en hy droech in
steil en meager man en der waerde bliid fûske mei dizze nij-oankomling,
master Marten Joukes fen Driesum. It hynsder waerd nei in hokje brocht
efterhûs, der hea en hjouwer en wetter to finen wie, alles nei de eask
en hja gyngen trijersum yn ’e hûs en diene de doar op ’e skoatel en de
blinen alhiel ticht.

„Hearst net fluitsjen, Wibe?” sei Marten Joukes. Dy mei flugge stappen
nei de doar en efkes letter roan de keamer ynienen fol. Der wierne me
Schotmans fen Boerum, Bindert Japiks Cloosterman fen Bouwekleaster en
syn soan Wytse, jonker fen Scheltinga fen Stynsgea, Rienk Reinders, de
skoalmaster fen Optwizel en Romke Piters, great eigenerfde ek derre,
Jan Binnes fen Aldwâld, Gjalt Botses fen Mûntsjessyl, Else Louwes
Siccama, dy ’t efter de Collumer tsjerke wenne mei Eelke Meinderts, de
wiidforneamde skriûwer fen Aagtsje Ysbrandts en forskate moaije
dichten, biselskippe fen Boate Eskes. Op ’t âlderlêst kaem der noch in
kearel oanstappen en dy naem ek de guit nei ’t húske ta. Sa ’n
Collumersweachster tsiiskeapman like it wol, to sjen oan syn greate
wite pûdden, dy-t him, ien foar ’t boarst en ien op ’e rêch bingelen.
Hy swaeide der oer, krekt as hie ’r in stik yn ’e kraech, de hoed hinge
him op ien ear en syn hiele antlit gyng hast skûl yn in lang swart
bird. Sûnder mis ien, dy-t min ljeafst net moet op iensume wegen en as
min him al moet, den ljeafst mar oan kant gean en slûpende wei foarby.
De sutelder seach ris nei it húske, nei in âld wylgenmoes oan ’e
sleatskant en der in einekoer yn, do wie ’r yn in omsjoch oer it
haechje, by de hússide lâns, yn ’e hûs. Flap, de doar ticht en de beide
skoatels der op.

„Jonker!” sei Wibe Lubberts sunich en allegearre fleagen se bliid
oerein op him ta.

Ja, it wie jonker Ryklef Ripperda, de dea en finzenis ûntkaem, nou yn
’t foarmidden fen it boerefolk, like trouwe Oranjemannen as hy, de man
fen hege steat. En nou hokken se mei inoar om ’e tafel to
rieplachtsjen, ien op ’e útkyk foarhûs yn ’t tsjuster, as der ek onrie
kaem. Mar hwa tocht der om, det hjir ea hwet útheefd wirde koe, hjir
midden yn ’t forlitten lân, der gjin wei, gjin paed roan en simmers
selst noait oaren kamen as bisteforweiders en ris in inkelde krûdesiker
om wjirmkrûd en honnebeistal?

Hiel ienfâldich wei, sûnder ophef, sûnder gelekskoai, diich ’r it
forhael fen syn bifinings yn ’e lêste wykmennich, in tiid, for altyd
mei onútwiskbere markteikens griffele yn syn oantinken. De hollen
foardel, harke it omsittend laech nei him, ho biwarren se elts wird yn
hjar hert!

Hy siet ticht by ’t bedsket, der wie ’t it feilichst, as der al ris
onrie kaem en ’t tichst by de útdoar nei ’t efterhûs, hwer de doar fen
yn ’t kear stie, om de wyk spylje to kinnen it lân yn, it tsjustere,
iensume nachtlân en in flauwe wjerskyn fen it fjûr skynde op syn moai
drystmoedich antlit. De measte patty fen syn harkers wierne âlder as
hy, allegearre goedwillich om mei gean to wollen en to stibelearjen,
mar onmachtich om foaroanman wêze to kinnen. Wibe Lubberts scoe ’t
licht noch al kind hawwe, as ’r mar mear leard en yn ’e wrâld forkeard
hie. Mar syn skipke hie likemin as det fen Marten Joukes ea op ’e
greate wieling fen ’e bûtewrâld omtoarke en dobbere, hjar wrâld syn
grinzen wierne it Ljouwter fémerk en de Liike winters en oars dei yn,
dei út it eigen boerehiem. Sa tocht Eelke Meinderts yn him sels, wylt
hy om him hinne seach nei syn mannen en jonker Ryklef der middenmank,
de jonge kening mids syn trouwe folk, mar ek.... de sterke stoarmer en
syn folchsum ploechje. En de greate mennichte wirdt it bêste laedt fen
immen, dy-t heger stiet. Gelikens jowt gelikens nea gesach.

De jonker swijde.... hy wie útpraet op dit stuit. Der foel in swiere
stiltme. Nimmen sei in wird, min hearde allinne it knappen fen ’e
houtsjes op ’t fjûr en it kofjewetter, det bigoan to razen yn ’e âld
tsjettel.

„It wachtsjen is op jou, master,” sei Wibe Lubberts en stompte Marten
Joukes efkes oan.

Master greatsk! sa útforkoaren to wêzen fen al dizze forstânnige
mannen, eigenerfden de measten en floreenplichtingen allegear, hwer hy
mei syn tractemint fen hûndert fjirtich goune jiers neat oars by wie as
in earmlike penneforsnijer, raspe de kiel ris in kear twa trije en do
sei ’r:

Frjeonen en Oranje-tagedienen! Alvorens wij deeze saek verders
útspinne, mut it my fen ’t hert, ho-t de saken der voorstane yn de
Wouden. Niet te best of wûndre goed, al naar ’t woord hewwe mag. Niet
te best voor de blauwhozen, want om so te seggen staat de lonte aan ’t
krúd toe. Der hoecht niet feul noadich te wesen, as wy hewwe in oproer
fen wer bin je my”....

„Det kin mâldernôch wirde”, foel Foppe Lieûwes him yn ’e reden.

„Jou kinne my eerst prate late, Foppe-om en segge dan jou bifining”,
fjurre Marten Joukes finnichjes fen him. „En as wy dat oproer den ris
kregen en se deden allegaer so, Oostergo, Westergo en de Sevenwouden,
den konnen wy ons dy skapetiken fen in Frânsen wel ris gau fen ’e húd
ôf skudde. As ik noch dúzend gulden hadde for myn folk, alleenich for
krúd en load, dan súdde it niet so ’n sware hys wirde. Hwet seit it
omsittend laech.... om so te seggen de jonker fen dizze tiding?” en mei
in soarte fen bûgingkje draeide hy him nei de jonker ta, wylt alle
oaren der oandachtich by sietene en boe noch ba kikten.

Nou joun gyng ’t der hjir om.... de bislissing hiel yntkoart scoe ’t
útwize, as Fryslân noch wer út de niten komme koe ef doemd wêze scoe ta
ûndergong, in diel fen Frankryk wirde ûnder in hollânsk regear, in
melke kou for in frjemd gesach. Det noait! det noait! Kin in wylgentien
net bûge oan ’t brekken ta, sûnder dochs ea earne in brek to krijen,
det him kniest yn ’t mark? Driûwt ’r der letter gjin soune, nije loaten
wer by? lit ’r syn krúntokken net rûzje yn ’e wyn, maitiids syn pûskes
net spegelje yn ’e sleat?

„Frjeonen!” sei jonker Ripperda en yn syn lûd klonk in soarte fen
birêsting, mingd mei de greate earnst fen dizze amerij, hwent hy wist
mar al to goed—histe ’r oan, den gyngen se him efternei, selst yn ’e
dead, wie ’r to lau, den scoene se him licht for in skermman forslite,
dy-t, ast der op oankaem, syn libben net jaen doarst en woe for de
goede saek. „Frjeonen!” sei ’r noch ris wer en hja allegearre kearden
him hjar stoefe, forware antlitten ta. „Hwet master Marten Joukes, in
man fen gesach yn ’e Wâlden, ús nys krektsa fortelde, forbjustert noch
forbaest my. It moast sa komme. It is de wet fen ’e macht, dy-t yn
machtsmisbrûk ûntaerdet—fen it forset, det opkomt en to ’n langelêste
dizze macht wer brekt, det hja to niete giet. Dizze tiid komt ienkear
for Fryslân.... mar ik leau net, det hy der nou al is. Wy binn’ to
minmachtich. Wy ha to krap jild. De Frânsken ha de ponge al tofolle
plondere en ús Stêdhâlder is net sa ’n ryk man, om lykme allinne in
leger útrisse to kinnen. Ingelân wol ús wol helpe, mar dy-t fen frjemd
oannimt, rekket yn rare liendersskild. Fryslân sit oan ’e kop ta fol
Frânsken en ûnder ús eigen folk skûlje selst noch forrieders, dy-t for
in baentsje ef sa ’n hûndert goudgounen selst wol in frjeon de hakbile
fiele litte wolle. Witt’ jimm’, ho-t it de frelle fen Dordt tot Medler
forgien is, do-t se opstie? Fen fjirtsjin kûgels troffen is se stoarn
en hwet hat hjar dead bidijd? Neat.—By hwet wy bigjinne, moatt’ wy ek
om de ein tinke.—Bij wat gij doet, let op het einde,—seit de spreuk.

„Mar ast nou al sa fier ris kaem—it folk bigoan—. Ho scoe de jonker der
den ûnderstean, as ’r hjir noch tahâlde?” sei foarsichtige Banjer
stadichwei mei syn fluensk frouljueslûd.

„Is ’t for Oranje, den bin ’k op myn post”, sei Ripperda fol fjûr. It
klonk as de reveille fen de tromslagger, de oprop for libben, sege ef
dead. „Mar dizze saek leit der oars ta. Der binn’ noch gjin feiten, ik
wit noch fen neat oars as fen feronderstellingen.”

„In tastân wizigt him sims yn in tel twa”, foel master yn. „Hwa is der
mei my foar, om de kat de skel om to binen? ’t Der ris op oankomme to
litten? It folk stiet klear, jonker. It wachtsjen is noch mar op it
Ljouwter jild.”

„Der hoecht it net om oer to gean, it sit yn goede pongen yn myn
pûdden”, sei Ripperda in bytke stoef. „Ik ha myn sin der oer sei, ek as
man bikend mei kriichsbidriûw liket it my net goed ta, ien man tsjin
seis ef saun oer to setten. Det is de forhâlding. En soks neam ik
moardzjen. It lottet ornaris raer út, as min it gefaer net biächtet op
hope fen in onwisse sege. Komme wy bikaeid út, den scill’ der offers
falle, master, net sunich ek. It frânske gesach is in wrede hear.”

„As ’t der mei to heljen is, litt’ se my den mar as offer nimme”,
spatte master op. „Lit se my mar giselje en brânmarke.”

„Hja scoene jou libben easkje kinne, master”, sei de jonker earnstich.

„Hark ris”, sei Gjalt Botses fen Mûntsjesyl, „lit ús nou earst ris jild
sjen. Binnen is binnen.” En al moi gau rôllen de gouden en sulveren
riderkes oer ’e tafel, waerden optaest op heapkes. Collumerlân,
Achtkarspelen, Dantumadiel wiisde it briefke út, det ’r by lei. It foel
hjar allegear hwet ôf, der lei mar in bytke, foaral de âlderen hiene
hjar moed net. Foppe-om, de hiele joun al hwet mismoedich, suchte en
Wibe Lubberts telde sa út ’e rûchte wei de rychjes. Der wie gjin iens
twatûzen goune en wapens, krûd en lead piperdjûr.

„Ik hâld my oan de jonker”, sei ’r ynienen stadichwei mei in neidruk,
hwer elts fen opharke. „Nou de saek sa stiet, bin ’k net sa dolkoppich,
om ús folk mei yn ’e dead jeije to wollen”, en Foppe-om, Romke Piters
en Else Louwes Siccama, en mear fen dy âlden, foelen him by. Mar der
wierne ek oaren.... en do se it jild mar seagen, riisden der gouden
bergen yn hjar oermoedich brein.

„De jonker hat in skalk each op ús plannen”, smeulde Jan Binnes fen
Aldwâld, „omt hy hat it altyd to dwaen hawn mei hierde soldaten. Mar ús
folk docht it net for jild ef for eare, det docht it for syn gelove en
det is hjir ien mei Oranje! en Oranje sit ús hjir, jonker”, en hy
sloech him by dizze wirden mei de flakke hân op ’t boarst en hy loerde
skean ta de eachshoeken út nei de jonker. Nou scoe dy wol opspatte en
tasizzings dwaen! As min sa ferge en nite wirdt, den ûnthjit min wol.

Mar Ripperda bleau bidaerd. Yn ’t Osnabrückske hie hy ek wol ris rare
breaïters ûnder syn folkje hawn en it altyd klearspylje kind. Jan
Binnes krige ’r ek wol stil.

„Frjeon Jan seit dingen, hwer wy allegear akkoard mei giene”, andere ’r
droechwei. „Der hoege wy net op to anderjen. It liket my goed ta, wy
scille der oer stimme strak ansens, as wy oer alle oare dingen útpraet
binne”, en hy liet by it bytsje gleonte fen ljocht út ’e pyptsjettels
Foppe Lieûwes, Boate Eskes en master Marten Joukes it briefke teikenje,
det se it jild ûntfongen hiene. Sadwaende hokken de fjouwer
foaroanmannen yn ien herntsje by inoar en flusterjende wei praettene se
oer it nijs fen ’e lêste wykmennich en oer it aldernijste, hwet se in
dei ef hwet lyn yn Ljouwert mei bywenne hiene.

„Hwet?!” rôp Ripperda moi lûd, „Haeije sa tramtearre? En der wie gjin
biwys ommers, det hy krekt it wie, dy-t my lossnien hat. Is der hwet
foarlêzen, Foppe.... Wibe? Siz op, jou ha jonge earen. Hat de
gerjuchtichheit hjar bislach hawn?”

Hast onwillich wei sei Wibe Lubberts heallûd: „Der is in wirdmennich
foarlêzen, jonker, do wonk dy âlde minhear fen Rhé....”

„Wie dy der?” Det koe ’r hast net leauwe.

„Hy siet foar ’t finster yn ’e keamer, tichte by de Blokhúsdoar mei
monsieur Poppéus.... en al dy oare hearen. Dit wie in feest for hjar en
Haeije hat in wan krige.... nou, as ’r it redt, den falt it my ta....”

Foppe-om skodholle. „Hja giselen him de rêch iepen”, suchte ’r. De
grize gyng him noch oer de grouwe, as ’r it him tobinnen brochte.

„Hwet sei it folk der fen?” pinfiske Ripperda. It hert diich him sear
om hjar, dy-t sa for him lit hiene.

„Hastû ek hwet heard, Wibe?”

„It folk wie stil, mûskestil. Wy hearden de Nijetoer spyljen.... twa
ûre, sa stil wie ’t. Allinne....” Sa ’t like, bitocht ’r him wer en
farde net foart mei praten.

Sêft trune de jonker him oan: „Ho fierder, Wibe? Jimm’ kinn’ bigripe,
ho nei my dizze saek oan ’t hert giet. O myn earme frjeonen....!” en
der blonken triennen yn syn eagen en rôllen oer syn wangen, mar hy
biskamme ’r him net oer.

„Siz dû ’t mar Wibe”, joech Foppe-om him frij.

„Nou, do kaem me der in fromminsk midden út it folk weisetten.... in
jongen ien en dy skodde de fûst tsjin de greate-ljue foar ’t finster en
dy raesde ’t út: „Ik winskje dy smycht alle ellinden ta, dy der mar op
’e wrâld to finen binne! Lit dyn soan krolje fen pine as Haeije nou!”
en hja bearde sa raer, det hja tochten, hja wie dûm waen”.

Ripperda syn earnstige eagen fregen, smeken om mear.

„Do kaem fluch minhear syn heit, ús âlde jonker Ripperda út it folk wei
en dy lei hjar de hân op ’e earm. En do is se stil meigien. It
alderslimste hat se net sjoen.”

„Mei Heit foartgien?”

„En do hat in wyfke út in gasthús hjar wetter brocht en lodderein krige
se fen in forname dame út ien fen ’e huzen.... It diich bliken, it wie
Dúfke, Haeije syn wiif.... En optlêst is se werom kaem en hat Haeije
meinaem nei hûs.”

„Koe ’r noch gean?” frege Ripperda, dy-t to faken dizze toanielen
meimakke hie yn ’t bûtelân, om net to witten, ho-t immen mei in
britsene lea der oan ta wie.

„Kwalik”, suchte Foppe-om, goeman en seach de reus noch ris wer foar
him, deawyt en stuiterich, krekt as miste ’r it bilul, om mear rjucht
gean to kinnen.

It waerde oproerich yn Ryklef Ripperda syn hert. Forstân en gefoel
bigoanen in stryd derre, hwer nimmen weet fen hie. O hie ’r nou tûzenen
om him hinne en den nei Ljouwert gean to kinnen en der op to slaen! man
tsjin man en skerp tsjin skerp; it lân skjinfeije fen it gespús en it
âlde, ljeave, hillige gesach wer yn eare en oansjen! Koe ’r? Scoe ’r?

Scoe ’r as in goed chirurgyn it mes yn ’e swolm sette doarre, it lichem
suverje litte? Mar ek de kâns wie der, de matearje kaem yn ’t bloed en
de dea scoe den de ein wêze kinne. Sá wrakselen dy twa greatmachten der
danich om yn syn harsens, dy beide sterke maten, oan inoar weage.
Hokfoar scoe ’t winne?

Foppe Lieûwes en Wibe Lubberts sieten der nou mar stil by en bigoanen
stadich hjar broggen to biplúzjen en dronken der in kûmke kofje by,
rounbrocht fen Wytse Binderts, fluch jongfeint fen njuggentsjin jier en
joun for ’t earst yn ’t rountsje fen ’e Oranjemannen bihelle.

—Ek al great—tocht Foppe Lieûwes, do-t hy him sa by de rige lâns gean
seach, yn ’t healtsjuster fen ’t barnende fjûr en de sêft ta de keamer
yn kypjende moanne in jong, linich skaed fol biweechlikheit en
libbenskreft. Syn folk wie Oranje wakker tagedien en hy skaeide grif ek
dy kant út, ien fen de seis jonge loaten op de âld stamme fen Bindert
Japiks en Anty Wytses. Mear as alle ierdske goed sa ’n seine fen seis
fikse, fleurige jonges en Foppe Lieûwes, âldfeint, suchte.... Hy hie
neat ta freugde yn syn libben en treast yn syn âlderdom, it lot hie him
net dy kant út ha wold.

Aldmannich dûkte ’r wei yn syn buffeltsjekraech en hinge roungear op
syn bankje to iten. Hy fielde him âld en min optheden, al dy jonge
minsken om him hinne, dy jonge plannen doarsten to meitsjen, oanfjurre
fen it soune, trúnjende bloed. Scoe ’t him noch barre meije, der de
blide útkomste fen to sjen, it waeijen fen ’e Oranjeflagge wer op de
âld toer fen Eastemar. Scoe ’t? Ef scoe de klok him al earder bilet
hawwe?

Schotmans smiet in pear houtsjes op ’t fjûr en in stik planke, ynienen
wie de keamer fol gloed en it stûke petear bigoan him wer grânzjende
wei to forheffen.

„Ast mei ’t wolnimmen fen de jonker is, súdde ik noch wel in
woordmennich segge wille,” frege master Marten Joukes op syn
heal-Dokkumers.

„Gien jou gong, master”, noade dy.

„So ’t jimm’ allemaal wel wete scille, he ’k it forpoft om it stamhús
fen Oranje ôf te sweren en my to foegen na det frânske gesach. It sal
my myn baentsje fen master en ook fen dorpsrechter wel koste. Mar ik he
wel in paer duiten, om mysels bedrippe te kennen. Mar der benne ook
anderen.—Is it de jonker te kennisse komen, ho min tegenwoordig it folk
wapent tegen Oranje? As ’t dus aan ’t fechten toe komt, den mutte se
skiete op hur eigen doarpsljue miskien, dy ’t it wel met Oranje houde.
Yn de grietenijen om Dokkum hene he se der niet feul sin aan, se komme
niet op. Earstens wille de luijden niet fechte en bilieven niet teugen
eigen folk en se hoeve ook niet te tellen, hoveul jongkearels der yn in
dorp benne....

„Om ’e divel net!” spatte der ien op. „Tinke se, det ús jonges foar ’t
kenon set wirde scille om hjar?”

„Stil nou”, susse in oaren, „lit master prate”.

Master neamde nou tal fen nammen op, hwer it fen fêst stie, hja stieken
de hoannen yn ’e wâl en steurden hjar net oan ’e oprop. „It giet net
goed sa.... earst ús frijheit, do ús jild en nou lizze ús jonges oan ’e
sintinzje”, hime hy, „mar nou mut de houwdegen mar ris op ’e slypstien
en ’t krûd ris rûggelje yn ’e hoarntsjes.”

„Ha se det?” tantte de jonker him stadich mei neidruk.

„Mear as de jonker tinkt”, sei master, „en dit jild”.... en hy wiisde
op de pûdtsjes.... „is ek gau omset yn hwet oars. Der hoecht neat by to
kommen, as it wirdt ien great forset en den....”

„En den?” sei de jonker him nei, swiere neidruk op elts wird.

„Den scill’ wy sjen, hwa ’t gelyk kriget, jou twivel ef myn
drystmoedichheit!” en de eagen fen Marten Joukes flikkeren by ’t ljocht
fen ’e lôge fen hillige strydkreft, krekt as wie hy in krúsfarder en
seach yn ’e fierte it leger fen ’e Saracenen al oankommen. Hy neamde
himsels in mathematicus, tocht Ripperda sa foar him hinne, mar der
doochde ’r noch net al to goed for, koelbloedich birekkens meitsje,
plannen teikenje, om útwegen to finen út in bihyplike tastân, der wie
hy to hjithollich en to rimpen ta, scoe ’r op ynfleane as de bolle yn
’e reek op, de dea tomjitte. Allinne de koel-forstânnige hearsket oer
túzenen. En hy sels? Och, hy fielde him ek noch stoattelich en wankel,
om nei de died taeste to doaren, al markbite ’r, det dy al folryp as in
frucht yn ’t birik fen ’e taestfiem fen syn earm en hân hinge to
lokjen.

„Lit ús stimme, frjeonen”, wynde hy him der út en liet sa oan it lot de
bislissing, om útring to jaen om hwet der yn hjar binnenst woelde en
wraemde. „Lit ús stimme, hwa ’t for in diedwirkelik forset is ef for in
stilswijend. Elts meij bitinke, det hwet ’r nou biwirkstelligt, it kin
him syn libben kostje, as it ta ’n útfier brocht wirdt ef ek.... der
kin miskien in goed ein fen komme....”

„Dos de jonker is der noch tsjin?” hifke Foppe Lieûwes súntsjes.

„Ik bin der tsjin”, sei Ripperda lûd. „Ik acht de tiid noch net ryp for
de died”. Hy gyng einliks tsjin syn eigen hert yn, hwent det trille en
langhalze just om dy died to sjen, dy died, om wraek to nimmen om alles
hwet der oan it Oranjefolk misdien wie dizze lêste tiiden.

Efkes wie it stil, min hearde it sêfte jounrûzjen fen ’e beammen om it
hiemke en it doffe gestap fen ien fen ’e jonge maten op it sânpaedtsje,
de skildwacht for onrie.

„Ik bin der foar”. It swiere lûd fen master Marten Joukes foel yn dy
stiltme as in klok, dy-t bigjint to lieden.

„Ik ek! En ikke!! Schotmans is der foar! Jan Binnes fen Aldwâld!
Tsjibbele fen ’e Wygeast! Bindert Japiks der foar! Eelke Meinderts der
fûl op tsjin—Gjalt Botses der foar!” It waerde in lawaei fen bilang,
elts skreauwde en bearde en rôp.

„Stiltme!” rôp Ripperda der twisken. „Ik scil de nammen opteikenje en
foarlêze en elts ropt den „foar” ef „tsjin”. En hy skreau stadich de
nammen op by it flikkerjen fen in eintsje kjers op in flesse en rôp den
de nammen ôf. It hagele fen der foar, it hagele op syn moed as
heilstiennen yn Maeije op ’e jonge bloei fen it jier. Toalve der foar
en mar fiif der tsjin, derûnder hysels, Foppe Lieûwes, Wibe Lubberts,
Eelke Meinderts en Boate Eskes. De saek wie forlern.... it folk winske
iepentlyk forset.

„Wit hwet jimm’ dogge”, warskôge ’r yetteris. „It kin in stryd wirde op
libben ef dead. Ik siz it noch ris: wy binn’ to minmachtich”.

„Ast slim komt, stiet de jonker ús den by?” ûnderstie Schotmans him.

„Ja, ho scoe ’t den wêze kinne”, hifke foarsichtige Banjer, „as ’t sa
wêze koe, det wy de jonker syn help fennoaden hiene, sjoch.... den
moatte wy dochs witte, hwer wy de jonker fine kinne yn dizze
contreinen”, liet hy der tokjende wei op folgje, it iene fen syn
plúrjende eagen net fen ’e jonker ôf en in fyn gnyske.... o sa ’n finen
ien, om de holle mûle.

„Det ’s ommers....” bigoan Marten Joukes, mar fen in freeslike slach op
’e tafel, hwer de kjers fen omfoel en de flesse fen op ’e groun keile,
skrilde ’r sa, det hy hâldde him stil en bisefte do earst, hokfoar
flater hy wol net bigean scild hie.

„Hwer ik bin, Banjer, is net nedich, det jou witte”, sei Ripperda
heech. „It is net iens nedich det mear as ien it wit, mar hjir witte
twa it, master en Wibe Lubberts. Det binn’ gjin forrieders. Ik set se
allebeide heech. En jou Banjer, ik scil lêst jaen, jou gongen nei to
gean. Towille fen mysels acht ik it nedich, jy bliûwe hjir mei twa
oaren en scill’ net earder foartgaen kinne as trije ûre letter as ik.”

Hy gyng oerein en socht de wiide tsiisdragerskyl wer op en ’e âlde
breedskade hoed. Hy fielde it, syn posysje stie wrantelich optheden,
gjinien fen ’e foarmannen foel him by, allegear hisen se him oan op it
doel, det hy skou wie, nammentlyk forset, iepentlyk forset fen man
tsjin man en det easke earst in fynútwirke plan en in goed tal oersten,
birekkene for hjar wirk, fierder, o slim kânsspel! rûch jild by de rûs
en de stipe fen ’e Ingelskman, om wapens to krijen, slûkjende wei by
Nije Silen en to Harns en de stille havens fen ’e Sudersé.

En hwet woe dit hantsjefol den noch? Der op ’e dolle roes ynfleane as
de wylster yn ’t net? syn eigen ûnk fen finzenis tomjitte? Hy wie
steurd, det syn wirden sa min oerwicht hiene, om hjar ta oar ynsicht to
bringen en hwette stoef joech hy him ôf, biselskippe fen Wibe Lubberts,
dy-t hy yn alles syn bitrou joech.

It wie nou nacht. Yn ’e fierte by in hûs op ’e Iesten blafte in houn,
oars wie it stil. Ek gjin forweech fen wyn mear yn ’e keale beammen, dy
hjar tokken fol fyn gerank dochs al wer de teare skiente fen ’e
poarjende bledknop droegen. Der sweefde ek al in frjemde, fine geur fen
hwet nijs oer it gea. Tynde dy heimsinnich út ’e âlde poel yn ’t skaed
fen ’e wylgenmoezen, hwer it glimhout yn glinstere? Kaem it fen ’e
winterfrucht, tear sykheljende mei tûzenen fen gêrslongkjes yn ’e reine
foarmaitiidsloft?....

Dy loft stie sa blau en stil boppe de ierde en de stjerren fonkelen der
oan, heldere kleare himeleagen, noait fen ierdske tins ef dream
bismodzke. Ryklef Ripperda seach der nei.... nei dy moaije kleare himel
fen syn Fryslân. Syn eagen dwaelden ôf nei it heldere paed fen ’e
Môlkwei.... Der ynienen foel in stjer.... noch ien.... en noch ien....
In rein fen frjemde hearlikheden.... En stil foar him sels hinne sei ’r
syn winsk folgens it âlde sechje.

Hjir kruste de Harstewei in foetpaed.... en der wie de brede hearrewei
fen Ljouwert op Grins. Nou gyng ’t it Wyldpaed op.... it wylde paed, ja
wol det. Gjin hûs to sjen, ûren fier net, heide! heide! en
boskstruwellen, spûkeftich fen foarm, elzenbosken, den wer hege
sânbulten, bigroeid mei ikenkreil ef keal en aeklike wyt yn
ljochtmoanne waer. Sims in greate poel, it djippe swarte wetter as in
droef geheim weikrûpt yn in slinke. It wie in min paed, dizze âld
sânwei, mar it wie ek in feilich paed.

Tichte by Hanenboarch gyngen se by inoar wei, Wibe Lubberts de Wedze
del nei hûs en Ripperda joech him nei ’t âlde Fogelsanghstate ta by ’t
Feankleaster, hwer in keammerke him wachte yn ’t ôfgelegenste hoekje
fen ’t greate slot. Sa stil as ’r koe, slûpte ’r yn ’e hûs en by de âld
trap op nei de souder. Hjir húsmanne ’r nou al sont wiken, sont syn
twadde flucht út Ljouwert ûnder it gastfrije dak fen ’e fen Heemstra’s,
like greate Oranjefrjeonen as hysels. Hjir wie rêst en feilichheit. Mar
for ho lang noch? Hy hie dy Banjer trochsjoen.... dy wikel ûnder de
mosken. As ’r koe, scoe hy se allegearre wol forriede wolle en gnize,
as se oan ’e galge bingelen.

’t Slimste eigentlyk, hwer de skoech knypte, wie de jildkrapte. Jild
joech hjir ek al wer macht en as ’r planteit wapens wie en sok spul,
wie alles folle better to weagjen. Hy siet der noch in set oer to
mimerjen en kaem optlêst ta ’t bislút, Porter noch ienkear wer to
skriûwen om jild, Archibald Porter, de earsume Ingelskman, dy in
traensiederij hie yn ’e sted fen Harns en in goed en needrich boarger
wie fen dizze âld sted, mar yn wierheit.... o ho inkelden wisten det
mar! in ôfgesant fen it machtige Ingelân en in great frjeon fen ’e
Stedhâlder, hwer ’r wol for troch ’t fjûr fleane woe.

Hy ouwele it brief soarchsum en segele him yn ’e midden mei it wapen
fen ’e Ripperda’s.

De dage gyng oer ’e loft, de dage foar in moaije sinneskyn
iere-maitiidsdei en syn hân trille, do-t hy dit syn brief oerjoech oan
in feint, dy-t him nei Ljouwert bringe scoe en kaem ’r al yn need, him
opbarne oan ’e gleone pipe en ’t boadskip wol mei de mûle oerbringe oan
heit, dy ’t wol soarge for de fierdere reis.

Noch gjin wike letter kaem it andert bihâlden oer. It wie mar in
wirdmennich, mar genôch. Archibald Porter skreau koartwei.... de greate
letters gniisden him suver út der op it wite pompier: It wie al ienkear
sei, nóch Ingelân nóch de Stedhâlder sels koe mear jild biskikber
stelle. It hie allegear al skatten koste en ’t bidijde neat. Alhiel
forlegen litte scoene hja hjar dochs ek net en derom waerden der dizzer
dagen noch in pear skippen fol wapens stjûrd nei Collumer Ald Syl en
lei der by minhear Ripperda noch in pong fol goud.

De brief wie sadanich, det hja waerden net foargoed ôfkonfoaid en doch
wie ’t Ripperda, as ’r op in moaije greate barnende kjers ynienen in
swiere domper set waerde. It ljocht snokte noch efkes nei yn in hael ef
hwet.... nou waerde de wrâld ynienen tsjuster.

Ja wol det.... ek syn wrâld. En singulier!.... nou, nou krekt! nou ’t
alles him by de hânnen om ’t ôfbriek, bigoan eat yn him út alle macht
in forwar, sa heftich, det it him meisleepte yn fûle foasje selst tsjin
better witten yn. Hwerom scoe ’r dochs ek net dy stryd oanbine? jong,
hjithollich, doldryst frege hy it: hwerom einliks net? Hwet wie ’r mear
by to forliezen? It libben? Syn felle hearlike soune jeugd kende ’r
noch net de waerdij oan ta, dy-t it hawwe scoe, as ienris de fyftich
efter de rêch wie en stadichoan de deadswetters tichter op him oan
bigoanen to streamen en sa nou en den ramende al ien fen syn kinden
meinamen. De libbenstsjilk stie noch sa fol fen alle hearlikheden
preauklear to pronkjen en hokker feest is der greater for it hert, as
den stride to kinnen for in ideäel, bilichame yn hokfoar foarm den ek.
En hjir hie ’t de foarm oannaem fen hwet wol elts it hillichst is op
ierde, it gelove, it heitelân en it âlde, ljeave Oranjehûs, for him en
al syn foarsaten troch ieuwenlange tradysje biknotte yn in fêste bân.

Al taende de gloarje, al wie de opperhear nou ek in banling yn in fier
lân, dit bleau sa, krekt sa lang oan syn deasnok ta. En hwet nóch it
húnsk gepraet fen Jan Binnes, nóch it petear mei master biwirkstelligje
kind hiene det diene nou dizze lêste onforskillige wirdmennich fen
Porter. Hjar lauwens makke him hjit. Hja trunen him oan ta de died.

Sá skouwde it lot him al njonkenlytsen foarinoan op it skaekboerd, om
it spul to spyljen, de iensume helt yn it greate, frjemde lân, de
lytsmoedige skare fen fjirrens efter him oan, bang en dryst fen beiden.

En swak yn al syn kreft, knibbele ’r dy joune yn in hoekje fen syn
keammerke del en frege om stipe, om sterke stipe en great forstân, om
dizze saek ta in goed ein bringe to kinnen. It wie in stryd for de
goede saek en it wettich gesach, mar wie de tiid fen druk al foarby?
Mocht it lân nou al hoopje op in bliide útkomste, op in jubeljier nei
de dagen fen Job? Och, hy wiste it net. Hwet wit in minske? Net iens,
as ’r de dei fen moarn it ljocht wer sjen scil en ho folleste minder,
hwet syn foarlân wêze scil yn takommende dagen. Derom net, hy wie
biredt.—

In joune ef hwet letter hast neare nacht al, it aeklik gespûk fen
greate mistfluesen oer ’e greiden en twisken de keale beamtokken, in
onrêstige wyn syn gegûl út it Westen, dy-t hy lokkich yn ’e rêch hie,
sette hy de stap der ûnder nei Jan Binnes ta to Aldwâld, him oanwiisd
as immen, dy-t tige gesach hie yn dizze contrein, en miskien hwette
ûnfoech en rûch yn dwaen en litten, dochs in earlike en rjuchtúte
kearel. Hy wie lyts boer en genierker derre en bidijde in sober stikje
brea op syn lyts steedtsje. Ienris hie hy him moet by heites to
Ljouwert op in forgearringe fen stedtsjers en gealjue en nou langlêsten
yn ’t húske by de Harstewei. Syn antlit stie him noch altyd foar de
geest as hiel appart to wêzen: greate, donkere eagen, hwer min in
frjemd fjúr fen drystens, moed en ek ûnforsetlikens yn barnen seach, in
smelrêgige noas mei fine biweeglike noasters en derûnder de fynlippige
mûle, fêstbiret ticht, in smelle reade skreef yn ’e bislettenheit fen
’e blekens fen it frjemdsoartige antlit, troch it fjouwerkantige kin en
syn breed trutsen dobke deryn hast wreed. Dizze man socht ’r op, dizze
man, fielde ’r, scoe min goed dwaen to rieplachtsjen, bikend as ’r wie
mei gea en ljue fen bern ôf oan.

Hy trof him thús, foar ’t fjûr, drok dwaende mei ien fen ’e lytse bern
op ’e knibbel, om douwebeantsjes poffe to litten op in âld têst. In
heftige, gleone loaits fen syn eagen trof de gast, de frjemde en dochs
om syn war dwaen for ien en diselde saek ek al wer de bikende.

„Joun jimm’”, sei ’r mei syn foars lûd en dûkte him yn ’e doar fen ’e
sobere wâldtsjerswente.

.... „Joun.... werom, jonker”, andere Jan Binnes stadich en liet it
jongkje fen syn knibbel glide. „Gien sitten”, en hy skouwde in foech
bankje by ’t fjûr en lei der in kjessen op, alles net onwillich wei en
dochs ek net botte oansjitsk. Eat as ienfâldige greatskens spriek út
syn hiele dwaen en litten, wie der om syn hiele persoan.

Mei in wirdmennich bisocht Ripperda, om oan ’e slach to kommen, mar it
woe net bûtterje. It petear forsânne fen it doel ôf yn nietichheden, hy
woun der him út en flustere einliks: „Der is tofolle kriel om ’e tafel
en efter de bedsdoarren, wy giene noch efkes yn ’t bûthús to ôffûrjen.”

En hja joegen hjar ôf nei ’t bûthús en biseagen it fé, it ryk bisit fen
him, lyts frij man en bisteande út twa bistjes, ien skiep, ien geit en
in spallinkje op ’t hok. Mei ho ’n ljeafde liet ’r der syn eagen oer
gean! Der sieten se nou by de tútlampe syn walmige reskepiid en
bikoezzemoezzen in bulte, ho-t der de lêste nachten skippen fol wapens
lost wierne by Collumer Ald-Syl en by ’t wyt brechje yn ’e Ald Swemmer,
ho hy, Jan Binnes de hiele souder folloeid hie en by Joege Innes to
Boerum, Wibe Lubberts to Twizel en Bindert Japiks Cloosterman yn ’t
Bouwekleaster fen ’t selde en hy liet in list sjen fen mannen, dy-t yn
gefal fen need op it earste klippen fen ’e klokken komme scoene en de
wapens opnimme for Oranje.

Ripperda bisoude! Der stiene se fen East en West, Súd en Noard! Lyklama
fen Aldeboarn! De Kempenaer fen ’e Limmer! syn frjeon Rengers fen
Ysbrechtum, fen Hambroek fen Ljouwert en al mar mear, mar mear!!
Fornamen en nederigen, mar allegear Friezen, dy-t it opnamen for it
fordrukte heitelân!

Ho skoarren se him optheden, sûnder it sels to witten en as yn ljeafde
aeide syn hân oer it knûkerige fodsje pompier.

„De lonte leit oan it krûd ta.... deun der oan,” sei Jan Binnes
stadich, syn gleone eagen fêst en lyk yn Ripperda sines, krekt as
hâldden dy loaitsen de siele fêst yn sêfte twang troch in heimsinnige
oermacht, „it is mar mear ien spjeldeknopsbreedte en den....”

„Ja, den....” suchte Ripperda.

Efkes bleau it stil. „It is altyd on ef even. Licht lûke wy oan ’e
koartste ein. De tiid scil útwizing dwaen. Us saek stiet faei, derom is
weagjen de wei. ’t Izer smeije, ast hjit is. En det is ’t optheden. Oan
’t kroljen ta as ’t ein izer yn ’e smid syn hân. En bûgt ’r it den net
nei syn wil?”

„Jou ha moed”, miende Ripperda, „mear as ik.”

„Hark ris,” andere Jan Binnes en prate mei oandrang. „Ik ha moed, det
’s wier. Mar det is net in moed út myselme. Ynwindich trillet myn herte
fen eangstme en freze om hwet komme kin as ús alles mislearret. Licht
den it Blokhús ef de galge. En as ’k sa tink, den wird ik bang.... En
as ’k der den wer yn kom, for hwa it giet.... sjoch jonker, den doar
ik, ja den nim ik it op tsjin tûzenen, tsjientûzenen as ’t moat....
hwent ik stien yn it fêst bitrou, ik doch it for in goede saek. En al
lang ha ’k my mei hert en siel oerjown oan dy macht, dy sterker is as
iksels.... ja, der jow ik my oan oer.... sa alhiel as in lyts bern oan
syn sterke heit.... Ik kin net oars....”

In hiel skoft bleau it stil. Swijende holpen se inoar troch hjar tinsen
en ienriedigens. Mocht Jan Binnes den al in fanaticus wêze, hwet syn
dieden noch útwize moasten, howol syn wirden der wol op wiisden, hy hie
de kreft en de moed ta de stryd en kaem dy ienkear, den scoe hy mei
foarenoan yn ’t gelid stean en syn plak skjinmeitsje, like it Ripperda
ta.

Ho wûnderlik wie ’t altyd yn ’e wrâld! Hwerom wie dizze net berne yn in
hege steat en him gjin macht jown oer tûzenen, det him grif goed ôfgean
scoe? Hwerom siet hy hjir yn in lyts holderhúske en molk syn kij en
bouwde hiel njúd syn fruchten en biskripte it brea for wiif en bern,
wylt de hiele wrâld soksoartigen, doarders! dwaenders! en oermacht oer
oaren habbenden brek wie? dy hiele wrâld, dy-t optheden op ’e kop stie?

Sa mimere hy der yn it stille bûthús by de wjerkauwjende kij en ja wol
wûnderlik! wierne dizze syn tinsen.

Yn ’e neinacht gyng ’r wer foart, biselskippe fen Jan Binnes, de
Mûntsjewei by de Mûntsjebosk lâns, mei syn achthûndert ikene beammen,
nei ’t Jan Binnes him fortelde, in prachtich forskûl for immen, dy-t
miskien yntkoart ris fluchte moast, mar nou yn ’e tsjustere nacht in
reuseftige klobbe fen noch tsjusterder swart tsjin de loft, hwer moanne
noch stjer mear oan to bikennen wie. Net lang mear scoe hjir syn honk
wêze kinne, Jan Binnes achte it to noedlik en hja founen út, by Bindert
Japiks Cloosterman yn ’t Bouwekleaster by Stynsgea, it haeddoarp fen ’e
gritenij, scoe ’t better wêze, mear yn ’e flank, as de greate slach
slein waerd. Hjir leine de greate heiden efterút en bosken fol wyld,
rûch beamt, hwer min feilich yn fluchte koe, as ’t ris knypte. Hwent de
tsjoede kâns is ek in kâns en net ien, dy-t wei to siferjen is.

En sa forfarde Ripperda den in dei ef hwet letter geandefoet fen
Feankleaster nei Bouwekleaster, bleau to jounbroggeïten dy deis by Wibe
Lubberts en gyng dy joune mei him skeanoer de lânnen op it oerset by
Mûntsjetille yn en sa nei syn nij thús. Hwet wie it him der eigen! De
hege geast, al bisjiddde mei in nije frucht, de âlde beammen, de sterke
earms rikkende nei it goudene jounljocht, Wolmoet hjar wite douwkes,
hjir en der delsaeijende út it hege blau, fen froast noch helderder as
oars en hiel heimsinnich op it tsjerkhôf it klokhús, nou heal
weikrûpend yn ’t oanwinnende tsjuster.

En as in bern fen ’t hûs waerde ’r der ûntfongen by Bindert Japiks en
syn wiif Anty Wytses. Hy moast yn ’e briedstoel yn ’e hirdsherne en ’t
nije goezzeplûmmene bêd yn ’t binhús, der kaem in têst mei fjûr ûnder
en twa hjitte krûkjes der yn en in nij hynstetek foar ’t sydfinster om
’e sigen, det hy foel der yn as yn side. Suver as in skipper, dy-t mei
syn skip binnefalt yn in feilige haven nei de stoarm!

Syn útfenhûzjen scoe der oars wol net sa lang dûrje, hie Bindert Japiks
fol neidruk profetearre en dochs.... sims winske hy wol, elts minske
hat ommers syn swakke riten! det it noch in deimennich, in wykmennich
dûrje mocht! Hy fielde him oansterkjen nei lichem en siele yn dizze
rêst fen it iensume boerehûs by minsken, dy him tagedien wierne en mei
him to stek stiene, him heech setten, al seine se it net yn tal fen
moaije wirden. Hjir yn ’e hiele omkrite hâldden se it mei Oranje, lyk
as hy, hjir gyngen se ek noch net mei de stream, dy los fen Bibel en
wet, neat oars preke as lichamelik geniet, tajaen oan alle lust fen it
sounige fleis, hwent der is dochs gjin forjilding, straf ef lean, gjin
himel ef hel! Libje as in dier en mar as in dea dier yn ’e groun!

In skare fen njuggen, sieten se jouns om ’e tafel, de boer, de frou en
de seis jonges en hy allinne as frjemde der by. It miel wie ienfâldich,
mar hja mochten it skoan en as heit it tankgebet sei hie, gyngen de
jonges der út to ôffûrjen ef op bêd. Guont wierne al jong-great, guont
gyngen noch op skoalle, twa hiene al as heit de kant keazen fen Oranje
en Ripperda hie hjar nammen lêzen: Wytse Binderts Cloosterman en Ritske
Binderts Cloosterman.

It jonge geslacht, fen hwaens dwaen en litten, fen hwaens tinsen en
dieden it ôfhingje scoe, ho-t de wrâld der oer in fiif en tweintich
jier foarstean scoe.... it jonge geslacht, by tractaet fen de 17e fen
Maeijemoanne 1795 ek foarbistemd, om Frankryk by to stean yn syn
oarloggen! Koe ’t fornéderjender det forboun syn foarwaerden: net
allinne hûndert millioen goune brânskatting! Venlo en Staets Flaenderen
kwyt en 25.000 soldaten op kost en klean, mar dit wol it
aldertergjenste, it mes op ’e kiel, om twong to wirden dit Frankryk,
dizze Moloch ek noch it alderdierberste bisit, it lân syn jeugd to
offerjen?

Derfendenne nou tsjinwirdich de wapentelling, it opskriûwen fen ’e
nammen fen alle warbere jongkearels. Hwer it hinne moast, hy wist it
net. En as ’r den dizze seis fleurige jonges om ’e tafel sitten seach,
krige hy der bikrûping oer. Hwer waerden se for greatmakke? Hokker dis
scoe ienkear hjarres wirde? Op hokker pôle hjar libben de bifestiging
en hiemfestens fine? Ef scoene se allinne great en feardich wirde
moatte om as slachtoffer falle to kinnen fen in oarloch? Dit geslacht
makke de woelings fen in tiid mei, hwer hy troch syn jierren al hast
bûten stie. Scoe ’t in geest fen forset kweke ef slappens en
meigeanders mei it nije, de frjemde tsjoen fen it heimsinnige út ’e
frjemdte hjar yn ’e maling nimme en swak meitsje? En hy seach fen ’e
iene op ’e oare en den wie der altyd ien ûnder, hwer hy it measte mei
op hie. En det wie Wytse Binderts, de âldste soan.

De dagen forgyngen sa stil en moai as sêfte wolkens oan in kleare
einder en dochs...?

Hwet hie Jan Binnes sei?

„Der is mar mear ien spjeldeknopsbreedte, sa ticht leit de lonte oan ’t
krûd....”

En den...?




X.


It wytfêrzen lân lei yn rêst. De toarre, stive reiden stiene deastil yn
it boomiis, de greiden glinsteren witich fen in tin laechje snie. Sa
nou en den krôke it hwet.... in sniewolken glied stadich foar de moanne
lâns, in breed wrâldskaed oer in oneinige himelklearte.

Der skynde de moanne wer, fol, breedglimkjend as in âlde wize, dy-t wit
fen mennichten fen moangongen en ieuwen. Jupiter flonkere, de Môlkwei
syn blinkjende slinger teikene him dúdlik ôf tsjin it djipkleare blau
fen ’e froastige winterloft.

Der wie eat yn ’e frede fen dizze joun, det net mear fen dizze ierde
wie, sa ’s der yn it minskelibben ek ûren wêze kinne, dy-t ivich stiene
boppe al de rin fen deiske dagen....

Yn ’e fierte skimeren flau en tear de ljochten fen ’e bûrsterhuzen en
de man, dy-t de hulterige paden delkaem, stapte nou flugger oan. ’t
Loek kâld, syn hânnen priken him yn ’e broeksbûsen en ’t forlangst nei
in smûk sit yn in waerme keamer foar in hiel great fjûr krige sa ’n fat
op him, det hy draeide earst noch efkes lofts om, do-t hy Boerum
ynkaem, om by hospes Germ in healfeantsje op to nimmen, eart hy nei de
snider ta gyng, om him in nije jas oanmjitte to litten.

„Jonge, jonge!” sei Germ en wreau him yn ’e hânnen, „ha wy dy der
Abele? Det meij wol oan ’e balke!” En tsjinstich brocht ’r him al in
romerfol, eart Abele der om frege en ek in pear triedtsjes toeback for
de trochroker. ’t Wie Abele, as foel ’r yn side. In hiele gânske wike
wrotte en wrame as boerefeint om in lyts lean, nou ris in amerijke ek
minhear.

De stoeltsjeklok sloech krekt saun. Dos noch in ûrke tiid, hwent foar
achten birg de snider jelnestôk en kryt dochs net op. Hy nussele him
noch hwet tichter by ’t fjûr, djip yn ’e stoel, hy siet der, as scoe ’r
nea wer foart. En it dûrre al net sa bare lang, do kaem de polletyk op
it aljemint en hospes Germ, in âld speurhoun yn frânske tsjinst,
spitste de earen. Wenne Abele Reitses net by Joege Innes en hope hy net
al syn libbensdagen, dy Oranjerazer noch net ris in goede loer draeije
to kinnen?

Ongemirken wei kaem der mear folk, de tapkeamer rekke fol, Abele
Reitses krige partij ef foun oanhang, foaral do ’r op ’e tekst kaem fen
’e boargerwapening. Ja! der hie elts it mier oan, koe ’t slimmer, as om
twongen to wirden, fjuchtsje to moatten, licht wol tsjin eigen
doarpsljue? De healfearntsjes makken de ljue hjithollich en mûlrap en
do-t op it lêst hospes Germ it net litte koe en smeulde op Oranje,
stiene se as nite hoannen foar inoar oer, prinsman en patriot. En Abele
Reitses[1] raesde der yn om, sûnder omtinken, hwette tizich fen tofolle
healfearntsjes yn ’t folle gelach wei fen „Oranje boven! Oranje boven!”

 [1] Abele Reitses wie yn 1795 ek al ris oppakt om syn
 „Oranjebaldadigheden”, to Fisfliet útheefd en deswegen nei
 East-Fryslân útband.

Der kaem in greate stiltme op dizze deadsoune. Hy stie allinne yn ’t
foarmidden fen ’e tapkeamer en seach binijd om him hinne. Dy-t it nys
sa mei him hâlden hiene en oanfjurre, hwer wierne se? Hja rôpen net
mei, taelden net iens mear nei him, mar sieten mei-inoar to mûskopjen
yn in herntsje.

„Nou”, sei ’r spitich wei, „den ik allinne mar: Oranje boven!” Hospes
Germ stie fen fierrens to gnizen as in pinksterfoks, foaral do ’t ’r de
blinkende sabels seach fen ’e gens d’armes en noch ien en noch ien, wol
fiif om it hoekje fen ’e doar. Hast onmirkber wei wonk ’r en eart Abele
in flau bisef hie, hwet der úthinge, hiene se him de hânboeijens al oan
en dreauwne him foar hjar út.

Dit gyng guont fen ’e oaren den dochs to bot. „Abele wit net mear, hwet
’r seit,” sei ien út it omsittend laech en gyng oerein, hiel stadich.
Germ koe him.... it scoe de lêste kear wol wêze, det baes Schotmans in
foet oer syn drompel sette.

„Boarger Schotmans, kin ik der nou foar, det dy man raest en opstiet
tsjin ’t gesach? Ha ik him der ta oanset altomets? Myn foet stiet
ommers ûnder allemans tafel.”

Schotmans naem de pong, smiet in hantsjefol lyts jild op ’e tafel.
„Der.... for Abele en my!” sei ’r koelwei en gyng. En Albert Hindriks
en Oeds Geales fen ’e Collumerterp en Doeke Idskes fen Boerum en Louwe
Cornelis gyngen mei. De tapkeamer wie nou Oranje-skjin.

„Handich lapt,” prize ien.

„’t Hie Joege Innes wêze moatten, mar dy âld rat is dy to goochem,
Germ-om,” stikele in oaren-ien.

„Dy-t de goes net oan kin, sjit de tjilling. Mar mis is ’t, hospes. ’t
Wirdt dyn skea,” sei in tredden-ien, bitelle it gelach en joech him ek
ôf. De minne wize fen dwaen fen ’e hospes hage him net.

De klok sloech acht. De snider wachte om ’e nocht.

De gens d’ armes mei Abele yn ’t foarmidden lânnen yn ’e bûrren oan. Hy
warde him nou danich, om him los to skûrren.... hy kaem yn ’e frisse
reine jounloft wer hwet ta him sels en fielde as by ynjowing, hjir to
Boerum wie noch in lytse kâns om los to kommen en hy krige in flau
besef, hwet him wachte, as hy to Collum yn ’t hounegat smiten waerd’.
„Help! help!” raesde ’r ynienen yn ’e stiltme fen ’e winterjoun. De
lêste klanken wierne noch net forstoarn, as de doarren fleagen
wiid-wach op en alle huzen liken wekker to wirden út ’e dod. Lûken
rattelen, klompen bosten en de bûrren roan yn in omsjoch fol. Mar
nimmen doarst it oan en helpe him, ek al omt se net rjucht wisten, hwer
it om gyng en sa rekken hja al sparteljende wei de kant út nei Collum,
earst noch in hiele smite der efter oan, mar al njonkenlytsen wei
forsjillen se, do-t se de kjeld fielden fen it iensume, onbibouwde
fjild. It geskreau en gejammer fen Abele hâldde ek op. Hy tocht om syn
faem derjinsen tichte by de Lauwers yn in lytse poeskoken, hwer hy joun
ek noch efkes kypje scild hie, as ’t net to let waerd en it moed waerde
him fol. De triennen rôllen him oer ’e wangen en hy forflokte de drank,
dy-t him ta dizze steat brocht hie. Sei Joege Innes altyd net: „In slot
op ’e mûle, astû in blauhoaz sjochste.” En hy, hy ezel! yn ’e hoale fen
’e lieu hie hy der útflapt, âld en nij!

Lang om let lânnen se to Collum oan en smieten him yn ’t hounegat fen
’t rjuchthús, de boeijens oan en ’e foetten yn ’e twangstôk. It waerde
tinken. Der wie net folle folk mear op ’e lappen.... de loft stie spits
en kâld. Hwa siket den net syn hael by de hird, hwer it moai houtfjurke
stiet to glûrjen en in feardich boekeblok op leit to knappen en in
maklike briedstoel noadet ta in knipperke ef in smûk petear?

De oare moarne ier en betiid.... de dage gyng noch mar krekt oer de
loft, diich Joege Innes in nije toppe strie yn syn klompen, stiek de
knyft by de broeksbân yn, hinge de snaphaen oer ’t skouder en treau in
swiere pong yn ’e bûs en joech him op in paed, de hirde klaeireed del
op Boerum yn, op in distânzje folge fen syn soan en de lytsfeint. Hy
wie noch net sa ’n ein op reis, as hy moete Schotmans en Louwe Cornelis
en Doeke Idskes en in hiele heap oare getrouwen en bipikele Oranjeljue,
der min huzen op bouwe koe en dy-t ek wol safolle splint hiene, om
penningtellender wize sa ’n akkefytsje útsjonge to kinnen.

„Hwer scil dit hinne?” sei ’r en seach fen de iene op de oare, heimlike
blydskip yn ’e skrandere eagen.

„Lyk as jou de Oranjehoanne fen ’e matte helje, det ’r wer fiktoarje
kraeije kin,” andere Schotmans snedich.

„Den mar mei,” sei Joege Innes. Der kamen al mar mear de klaeireden
delklossen, in inkelden ien it gewear op ’t skouder, oaren de gripe ef
de heaplôke heal ûnder de jas, allegear stevige knapen mei hânnen as
slaeijen, dy-t hjar man stean scoene, as ’t wêze moast. Hwet der bard
wie, moast wol as in diggelfjûr oer ’t gea flein wêze.... al mar oan
groeide it tal en hja waerden roerich ûnder hânnen wei. Joege Innes,
great en stoef, roan mar stil foarop. De wyn waeide yn syn lang
bird.... de earste skimer fen ’e reade winterdage joech syn antlit de
wûndere gloed fen in âld-testamintyske profeet.

Hiele Collum stie al op iene-ein, dy iere moarne fen ’e 3e fen Selle
1797, hwent Abele hie dy nachts sa raesd en gûld en slein tsjin de doar
fen syn hokje, det de rottelwacht hie gjin each ticht dwaen kind yn ’t
pertael fen ’t rjuchthús, hwer hy oars altyd syn hazzesliepkes diich en
wie him út bigoan to rachen en to skelden. In pear omstippers krigen
der de lucht fen en gjin ûre letter strúnden der wol tweintich om it
rjuchthús.

„Súdde min him niet fordoen, die der met syn gegúl?” sei der ien.

„Hja moasten dy de earmbânnen mar ris omdwaen mei dyn stoaters gegniis,
dû frânske koeke- en daeibakker,” nite him in oaren ien. En det wie me
yn in omsjoch fen pak oan en slach der op, it klapte op ’e Piip en de
planken dreunden der fen. Der ynienen waerden se allegear ketoen en
stil.

In hiele kloft Wâldtsjers kaem it West út wei klossen en det wie rjucht
út, rjucht oan op it rjuchthús yn. Der wierne wol fiifhûndert en noch
mear. In wiif rekke ûnder de foet, in great skoukarre foel om en waerde
yn moster totrape. Hja hokken foar de doar fen ’t rjuchthús gear en
sloegene op ’e doar, det it krêke en do-t det net holp, rinkelen de
glêzen. De blinen hellen se foar de finsters wei en rameiden de
boppedoar sa lang mei de swiere izers, det dy joech bilies en ’t
breinroere, fakseare folk stoude ta ’t rjuchthús yn, guont fen de
drysten nei de riedseale ta, hwer de rottelwacht efter de lege stoel
fen siktaris Braek stie to triljen en him lyts makke efter it bekling.

„Hawar, scilst dyn breahear ris fen ’t bêd rottelje en helje him hjir?”
hjitte him in reus fen in Collumersweachster en sette him in twadúbbel
skerp knyft op ’t boarst.

„Genede! genede!” jammere de rottelwacht. Do gniisden se en stompten
him ta de doar út. Hy fleach efter oer de lânnen, oer sleatten en
slûzen en brocht sa minhear Braak de jobstynge.

In greate bynstok waerde in koumelker ôfliend, de wacht foar ’t
hounegat lamslein en foartsoald bûtedoar en do mei de bynstok de doar
rameid. Abele, dy-t earst noch forskûrrend jammere, waerde stil. In
stik twa trije ramen, do sprong de doar op en Abele der út as in swel
sa fluch en stie op ’e foarstriette en sloech fen blydskip mei de
hânnen yn ’e loft en de oaren dânsene om him hinne, sa ’s se it ek wol
sjoen hiene om ’e frijheitsbeam.

Do-t Joege Innes mei syn oanhang ta Collum ynstapte, kaem Abele al fen
’e oare kant en roan as in ljip. Joege Innes glimke efkes hiel
fyntsjes, oars wie ’t nin draver, dy Abele, mar nou siet moatten der
efter. „Mar gau oan ’t melken,” rôp ’r him noch nei.

Hwet seagen se raer op, do-t se by ’t rjuchthús kamen en de boel der sa
op iene ein stie. Alles forrinneweard, it doarskesyn stikken, de ruten
neat oars mear as holle luchtgatten, de gerdinen as raffels waeijend
foar de iepen finsters.

Joege Innes skodholle. „Moast it sa?” sei ’r tsjin Jan Binnes, dy-t
deabidaerd op ’e hege brêgeleuning siet to smoken en mei in stik ef
hwet oaren der de wacht hâlde, det gjin patriot oer ’e brêge komme koe.

Húnsk lake dy. „It moast noch hiel oars,” sei ’r stadich, in nuvere
flikkering yn ’e woeste, moaije eagen. „Wy gien’ nou noch nei siktaris
ta, dy gleone patriot moat en scil fen ’t bêd roffele wirde. Twinge
scill’ wy him, om in forklearring to teikenjen, det ’r Abele net wer
oppakt.”

„Scill’ wy ek mei, mannen?” rôp Joege Innes.

„Jawisse det!”.... rôpen se werom. „Det wirdt me ommers in feest, det
krollen fen dy gledde iel ûnder ’t mes fen ’e strûper.”

It gyng der mei staesje op los.... In lyts fyftich bleauwne efter to
wachthâlden by ’t tsjerkhôf en de Bûtenposter paden, en sa koe nimmen
hjar fen efteren oanfalle. De Collumer patriotten, greate skreauwers,
mar minmachtich, kroepen dochs ek ljeaver as foksen yn ’e hoale en
stjûrden ûnder dúmkes wei twa ôfgesanten op ’t hynsder Meckamareed út,
troch de lânnen en de sânwei del nei Collumerfallaet, om Keuning to
warskôgjen.

Siktaris Braak, al op in rare menear to wekker wirden fen ’t gejammer
en gebear fen Ulke, de rottelwacht, stie yn ’e gong to triljen en seach
nou en den skrutel troch ’t kykgat fen ’e doar. It greate izeren
poarthek hie ’r wiid opsette litten en de lûken fen de finsters.... it
wie in nuver iepenhoftich gesicht sa ier yn ’e moarn. Mar siktaris,
goed minskekenner, al wie ’r patriot, bigriep bêst, de doeme mennichte
fornielt earder, hwet ticht sit, as hwet wiid-waech opstiet en hy moast
nou fen ’e moarn alles winne troch forstân en bislepenheit, oars
forlear ’r hjoed licht én syn prestysje én syn baentsje en miskien, o
mieri! wol syn dierber libben!

Syn gloednije, goudbitresse Frânske frak hie ’r oan en yn eltse
broeksbûs in laden pistol en op in deftige distânzje stiene syn trije
feinten efter him to triljen, ek wapene, al wie ’t mar mei gemiene
ljue’s snaphanen.

Jan Binnes hie de foarstap en razen, ja! breinroer waerd’ siktaris,
do-t hy det seach. Jan Binnes, dy aterling! dy gledde goochemert! oeral
by en noait to binaderjen! dy fjurkestoker fen ’t hiele gea! En prate
koe ’r, det it folk waerd’ der gek fen, hy koe se oanhysje wol ta
moard, wie ’t sizzen en al scoe de pynbank se den ek út inoar skûrre,
hja scoene noch gjin kik jaen en him forklappe, sá hie hy se ûnder de
ban. De wyldste hynsders learde hy yn in ûre mennich it lûken en as der
twa bollen fochten, hellen se him mar en den kamen se elts fen in kant
op him ta en slikken nei syn hânnen. En den bispriek ’r se mei rare
wirden.

Soks hie siktaris Braak, de forljochte patriot, it min op stean.... In
stikje pompier, hwer min in dwangbifel op skriûwe kin, is gewillich,
mar sa ’n Jan Binnes.... det wie in oare macht, dy-t dwars yin sines yn
raemde.... De grize gyng him oer ’e grauwe.... En Jan Binnes, sa ’n
hûndert man, rare knapen! him op hakken en teannen nei, kaem al
tichterby.

„Hwer bistû, divelske patriot!” raesde ’r. „Kom der út, detst skriûwe
kinst, hwet ik dy foarsiz en oars.... den scill’ wy dy de knyft troch
de strôt helje, det ’r iepenreept....”

Siktaris sloech syn slach. Hy smiet de doar op en stie der yn al de
gloarje fen syn gouden jas. „Hwet moat det hjir op myn hiem? Gau der
ôf.... fluch hwet jimm’ allegear....”

Ien amerij stie ’t folk stom. Wel noch ta, Jan Binnes krige partij!
Selst Joege Innes forknypte him ynwindich. Sims fielde hy him selst
lyts-man by Jan Binnes.

Jan Binnes, great en smel op it hege parredis, kaem noch in stap twa
tichterby en siktaris gyng skytskoarjend efterút.

„Stan nou en optslach ek.” De greate, flimend skerpe eagen hâldden him
suver fêst yn hjar tsjoen, al hie siktaris nou ek wold, hy koé net mear
fen ’t steed komme.

„Gau teikenje, det Abele frijlitten wirdt foargoed en noait wer
omkrûmte bylei wirde scil en oars.... ik scil dy pleachje mei de pleach
fen minske en dier, himel en ierde en....”

„Stil....! stil....!” hime siktaris, „ik scil teikenje, al hwetst ek
mar wolst. Lit my los, dû divel....”

„Hwer hâldt ik dy fêst?” sei Jan Binnes dimmen en sloech syn eagen
foardel.

En siktaris wie net sa goed, as hy teikene mei diselde pinne, hwer hy
oars sa faken it bifel ta finzenisstraffe fen in Prinsman mei skreauwn
hie, nou, de ridel fen binaudens yn ’e hân en ’t klamme swit yn kobben
op ’e foarholle, in ûnthjit op skrift wol sekuer en for nin oare útlech
fatber, det Abele Reitses scoe noait wer oppakt wirde om syn
Oranjeropperij en ek gjin oaren, dy-t him fen nacht út ’e need holpen
hiene. It wie in swier stik for him.... ho siet ’r twisken twa fjurren
yn ’e yeske! hwet scoe minhear fen Rhé wol net sizze! misledige hy it
Frânske gesach der net danich mei, hy, dy-t jerne ginste hie fen hege
hearen.... Mar hjir optheden wie gjinien ta help en hjir loerde de
dea.... Ja, dy loerde yn ’e eagen fen Jan Binnes.... It hert sloech him
tsjin de kiel oan....

Joege Innes, stoef en steech yn ’t foarmidden, bisocht al ris om in
oerwicht oer ’t folk to krijen en de hertstochten del to bêdzjen, mar
hja wierne al moannenlang tofolle troch dy boargerwapening fakseare en
fielden hjar nou los fen ’t ket en oan ’e winnende hân. Foart de hate
patriot, foart de bloedsûgerige ekstra heffings op hjar lyts bytsje
oergjerre jild, om det yn hollânske ef frânske pongen forsjilje to
litten, foart mei de ynkertierings, it gemienste frânske rosmos yn ’e
hûs ta skea fen wiif en bern, foart mei Braak en Keuning, dy-t it to
ûnderstean doarsten en sette hjar eale grytman fen Scheltinga in set yn
’t tichthús, om sels op ’t stoeltsje komme to kinnen, foart mei de
boargerwapening, om for in frjemd, hate gesach fechte en yn ’e dead
dreauwn to wirden, foart alderlêst mar aldermeast mei de godleugenaers,
dy-t nou selst al roavjende taesten dwaen doarsten nei hjar tsjerke en
tsjerke- en weeshúsgoederen, foart der mei!! nou en nou foargoed ek!

Siktaris kaem wer op it parredis, sa wyt as in wever, it frijbrief for
Abele yn ’e hân. Jan Binnes krige it oan en gnúfde der wakker yn om en
do joech ’r it oer oan Joege Innes en de wiidforneamde dichter Eelke
Meinderts, ek mei de oare Oranjemannen úttein, en dy liezen it ek ris
nei en bifounen it ek, goed yn kalk en semint to sitten. Nin minske koe
der in neil efter krije, mienden hja.

Jan Binnes, koart biredt, draeide him om. Hy ginde Braak net iens in
goe-moarn, winske ’r net, det ’r nin goede ef kweade moarn ea wer sjen
scoe?

Mei tsjinsin gyng it folk him efternei, mar heal foldien. „Scoe det der
oars ek ris barne wold ha?” sei der ien sa smout wei en wiisde op in
skoander blokje klaeihea efter siktaris syn hûs. Der de reade hoanne op
kraeijen to sjen, hwet scoe ’t in trewis west ha!

Joege Innes fielde as by ynjowing, hwet hjir op dizze amerij ûnder it
fierst to stille folk omgyng. Jonge, jonge! in stiltme foar de stoarm!
Min kin in pod ommers wol sa lang tergje, det ’r kwat en hy bisocht sa
ûnder dúmkes wei, de ljue hwet yn ’t lij to praten en guont wer de
Collumer en oaren de Aldwâldemer kant út to krijen. Bigoan hjar de mage
ek net to jokjen? Him tominsen tige, hy woe nei hûs. En stadich oan
dripte de iene nei de oare ôf, Jan Binnes optlêst ek en sa ’n
fjouwerhûndert Wâldtsjers mei him, allegear einliks prot, det it sa
njúd ôfroan wie en de hotte en de file inoar net rekke hiene. Earst
noch ris efkes by „grytman” fen Scheltinga en mefrou Bouricius oan, om
der it nijs út to krantsjen, do sochten de measten memme brijpot mar
wer op, froed en wol. Mar de fonk, ienkear yn it droege hout, smeulde
foart. Hja gyngen nou nei hûs, skodden de fûst tsjin it fallaetshûs,
hwer Keuning húsmanne en joun! den scoene se it krûd yn ’e hoarntsjes
rûggelje litten ha en de houwdegens wierne slipe en de snaphanen ré,
den kamen se werom....

It foarspel wie dien. In tûken ien, dy-t nou it lot syn rin noch
kearde. De hjitte hertstochten fen dizze ienfâldige ljue, noch nea fen
hjar hiele libben towekker roppen, rekken nou oerstjûr, de knyft kitele
hjar hânnen en yn ’e bûsen fen in inkelde rattelden de kûgels al as
sûre pipenuten. Sa wierne der wol guont, dy-t bihâlden wer thús
oanlânnen by de koekpanne mei spek op ’e hoep en de greate petylje
beantsjes derby, doch sinnige it in hopen mâlle min, as dit hjoed sa
ôfrinne moast. Hwet hie min bidijd? Wierne se nou fen ’e
boargerwapening frijrekke? hoechden se gjin swiere lêsten mear op to
bringen? Keuning siet noch frank en frij foar ’t finster hjar út to
gnizen, ynpleats det ’r ris omraek omsoale wie en streeps hawn hie, det
de flarden fel der nei fleagen.

It bleau rare roerich op ’e wei.

Sa kaem de joun, de moaije joun fen dizze froastige Febrewarisdei, fen
in tinne mist omdize, fen in earste ketiersmoanne biskynd. Read en
froastich wie de sinne al wer ûndergien, de reek út ’e skoarstiens stie
as in plûm yn ’e loft.

Do-t de hearsfeint fen „Vaartzicht” it hek slute, seach ’r mei
binijing, ho fol as de wei stie en ho oerstjûr it folk wer waerde. Hja
sprieken op for mastersfeint, knyften blonken en Keuning syn namme
waerd’ faken neamd. Sa krige stadich-oan it wyldsin hjar wer yn ’e
kloeren en optlêst setten in stikmennich de stap der ûnder nei Jan
Binnes ta. Woe hy ek wer mei, om dy Collumer patriotten opsitten to
learen?

Dy nachts! o hokfoar slimme nacht wie det for Collum en omkriten! rekke
it folk slaende deilis mei in kloft skutters fen Dokkum, as help stjûrd
for minhear Braak. Guont fen it trekskip hiene heard fen de rûzje
moarns en ’t mei de waerme hân oerbrocht oan ’t regear fen de greate
sted fen Dokkum. It dûrre al net sa lang, do founen se Jan Binnes en
syn maten op it tsjerkhôf, hwer se hjar for tsjinwar opsteld hiene, de
grouwe mûrren as in goede rêchstelling en do gyng ’t der heil om seil
oan wei.

De boargers Wadman en Feugen fen Bûtenpost wierne ier en betiid mei in
ekstrapost nei Ljouwert jage, om it fen Rhé oan to dragen. Sels koe ’r
net komme, wie ’r net krebintich en gammelich fen ’t winter? mar hy
stjûrde twa boargers mei werom, frjeonen patriotten Ament en Germans,
goed biselskippe fen swier wapene huzaren, om poalshichte to nimmen fen
dit spektakel. En hy gniisde as in pinksterfoks: it scoe gjin kwea
kinne, om dit folkje ta ’t alderúterste to niidzjen, den scoe hy letter
de boeten heech opdriûwe kinne. Hwent hjitte dit Collum en syn omkrite
net ien fen ’e fetste lânsdouwen fen Fryslân?

Earst, do-t it allinne fen de Prinsljue tsjin ’e Dokkumers gyng, bleau
it sahwet kamp, mar do-t de huzaren kamen op ’e greate woeste hynsders
en in raer misbaer makken mei de lange sabels, wie ’t pleit gau
forlern. Seis en sechstich Oranjemannen pakten se op en setten se efter
slot yn ’e tsjerke, om der to bikommen fen hjar hjitholligens en leare,
ho-t it rjucht ef onrjucht fen ’e sterkste it altyd wint. Jan Binnes
wie hjar twisken de fingers trochslûpt en kaem yn ’t holst fen ’e nacht
wer thús setten, smiet it dek op ’t hynsder en jage foart, de
Aldwâldemer kant út.

In lyts ûre letter kaem ’r werom en gyng bidaerd op bêd.

Yn ’e iere moarn waerde hy fen ’t bêd kloppe. „Oarloch yn Collum! Al
acht dea!” raesden se him tomjitte.

„Ael,” sei ’r tsjin ’t wiif, „ik moat wer foart. Licht bliûw ’k de
hiele dei wol wei en kom earst joun let wer thús. Jowst my in flaubyt
mei?” en syn wiif, noch heal yn ’e sliep, snie broggen en helle in pear
woarsten út ’e skoarstien en in stik tsiis út it spyn. „Hjir jonge,”
sei se. „Gien mei God en kom hjir bihâlden wer. En moardzje net, Jan.”

„It fjûr scill’ se oan ’e teannen ta ha, mar gjin bloed, Ael. Gjin drip
bloed. Det is de leare net....” en sa gyng ’r foart en waerde wei
bûtedoar, der it tsjuster fen ’e nacht al bigoan to wiken.

De wei stie swart fen folk.... it wachtsjen wie op him, dy ’t se
allinne mânsk genôch achten, om nou foarman to wêzen en dizze saek ta
in goed ein to bringen. It tal groeide njonkenlytsen noch, der kamen
guont by fen ’e Sweach en Feanwâlden en optlêst in hiele smite fen
Driesum en Moarmwâld, master Marten Joukes oan ’e spits. Ek Scheltinga
foege him by hjar en sa gyngen se op reis de nachtstille wei lâns.
Opmerkelike stil.

Der ynienen bigoan de Collumer klok to klippen, in tel ef hwet en do
mei syn swiere bromstimme to lieden, it stille gea oer. It klonk near
yn ’e stille, froastige foarmoarn o sa near. En de klok bromde mar
troch. It wie it ôfspritsen sein al sont lang for alles, hwet Oranje
tagedien wie, om op to kommen, noch ienris for gelove, goed rjucht en
wet it findel heech to heffen. En de finzenen yn ’e tsjerke diene it ta
greate argewaesje fen hjar oppassers bûtedoar, dy-t der net yn doarsten
om hjar ’t manuael op to lêzen. En sa moasten hja se wol betien litte.

Hark! de Boerumer klok klipt ek al en de Aldwâldemer folget. Ut
Bûtenpost komt ek lûd. Weinen bolderje yn ’e fierte, geskreau en geraes
oeral. Sa gyng it op Collum yn. In eindsje de Krúswei foarby kamen se
al yn ’t fjûr. Der waerden se oanfallen fen ’e huzaren, mar dy,
minmachtich, leine al gau to spinfoetsjen en winnende wei gyng ’t nou
op Collum ta en der troffen se al in hiele bulte frjeonen út ’e
Dongeradielen en Boerum en Augsbuurt, der founen se Joege Innes as
foarman en mei mannemacht bistoarmen se de tsjerke en forlosten hjar
folk.

Hja protten suver ta Collum út, alle wegen wierne stiiffol en der kaem
earst wer rûmte, do se it West yn teagen, fen plan as se wierne, om de
Dockumer skutters, dy by Keuning stiene to oppassen, yn ’e wiele to
riden en to omsingeljen. Dy ek net slûch, bigriepen skoan, hwet hjar to
wachtsjen stie, tritich man tsjin sa ’n túzen en hja naeiden út en
kamen mei great misbaer werom yn ’e sted fen Dockum.

Nou hiene de oaren de baen rûm. Jan Binnes seach om him hinne, in smel
gnyske om ’e reade mûle, in felle loaits fen haet yn ’e eagen. Yn in
omsjoch foroare ’r fen in ienfâldich húsman yn in oerste, in
felgebetene machthabber oer in folchsume binde. „Efter my, fiif by
fiif,” wie syn koart bifel en hja gyngen as skiep. Hja setten hjar yn
postuer, de drystmoedigen deun efter him, de binauden op in fetsoenlike
distânzje, bang for fjûr en noch banger for útpiken.

Hy wie net bang, krekt as bigoan nou hjoed earst it libben en libbe hy
det yn al syn ieren en sinen mei. Syn bloed polske red, al de slomjende
kreften yn him, sa goed as tsjoed, waerden wekker. In onforwrikber
bitrou op it goedslachjen fen syn plannen bihearske him. Wierne se ek
net mei opsteld fen jonker Ripperda en selst alle slûpynen, hwer se yn
gefal fen need de wyk hinne spylje koene, hie hy oanjown. Stiene der
hjir en der yn ’t lân gjin húskes en hokken, hwer nij ark lei om to
sjitten en yn gefal fen de alderúterste need, lei der net in skip by
Collumer Aldsyl, as help stjûrd fen Ingelân, om de fluchtelingen,
aldermeast de haedmannen, op to pikken en se oer de frije sé to
bringen, hwer se mar hinne woene?

Archibald Porter, eare syn namme! hie wol ris earder riemmen snien út
diselde lape lear.... hy wist, ho winste en forlies rare broerren
binne, der min bilieven mei rekkenje moat. Mar dit mislearje! och, det
bistie net. Der hie hy gjin noed mei, alhowol, ien ding barnde him yn
’t moed. Yn elts gefal wie ’t it lêste jild, hwet Ingelân taskikt hie,
it âlderlêste, ja dette, hie jonker Ryklef sei. Ingelân koé net mear
jaen. Syn oarlogjen friet jild. En as hy hjir om tochte, den forsonk ’r
yn gemimer. Ho!? as it ris misleare.... Mar der wie gjin mis op, hja
scoene it winne! Moarn den dei de Oranjeflach op ’e Dockumer toer en
licht oer in wike wol Ljouwert selst wer frij fen ’e Frânsken!

Yn ’t stille Bouwekleaster hie de joune krekt en allyk west as altyd.
Wolmoet hjar douwkes fleagen op ’e neidei nei de til, de jernamers
rattelen en de feinten en ’e faem bigoanen to melken yn ’t waerm
bûthús, hwer min neat fen ’e kjeld bûtedoar bispeurde. Lysbeth en
Wolmoet kamen, de lege tobbe twisken hjar yn en hellen it linnen fen ’e
bleek, stiif en hird fen it neiwinterke. Hja seagen Bindert Japiks
troch ’t kleasterhôf kuierjen, de útfenhûzer by him, ek lyk as hy yn ’e
blauwe kyl en der de jas los oerhinne en in âld foerpet op.

Op ’e reed moeten se inoar en Lysbeth stompte de jonker oan en wiisde
yn ’e fierte. „De jonker scoe goed dwaen en gien optslach yn ’e wâl.
Hwet komt me der oan op ’t hynsder?” De eagen fen ’t âld minske, fen
ljeafde opskerpe, hiene mear sjoen as de oare trije. Yn in omsjoch
glied Ripperda yn ’e wâl en makke him lyts twisken it struwel. Op ’e
joun ien op ’t hynsder hjir yn Bouwekleaster, hwer yen winters nimmen
ea byneist kaem as de bolrinster en de bolderwein fen ’e moalker? Hwet
koe det wêze?

Stadich kaem Bindert Japiks it lân út wei, de reed del. Hy wist syn
útfenhûzer goed forside, holp it winnende tsjuster ek net mei.... dos
hy bleau bidaerd wei stean, do-t de ruter fen ’t hynsder sprong en
rinnende wei op him takaem.

„Bindert Japiks binn’ jou?”

„Ja ikke,” wie ’t koele andert.

„Hwet seit min, as Oranje in prinsman moet?”

„Oranje sterktme, neat oars,” andere Bindert Japiks koart.

„Lêz,” sei de ruter en hâldde him in brief foar. Mei ien hael fen ’e
knyft snie ’r it brief op en lies. De kleur forskeat yn syn reafallige
wangen.... hy sykhelle djip. Ien amerij mar, do wjerljochte der eat as
fen freugde yn syn greate blauwe eagen.

„It andert en gau ljeafst,” tantte him de frjemde ruter.

„Moarnier fiif ûre biredt sûnder útstel ef smûsjes. Wiste it goed?”

De jonge ruter nikte en smiet syn lichte lea mei ien sprong wer op ’t
hynsder en draeide det út nei de Ham. Bindert Japiks miende him nou sa
fen oansjen wol to kennen, wie ’t net ien fen Boate Eskes jonges?

Nou wie den de kûgel troch de tsjerke.... nou kaem de kniper op de
skine. Hansum nei de jonker en eart it jounmiel op ’e tafel stie, roan
de hiele greate skûrre al fol fen trouwe knapen en elts krige syn
poarsje fen wapens en krûd en lead. It hie himsels sa ’n foech
kaptaeltsje koste, mar nou koe hy de Ham en ’e Pein ek út syn eigen bûs
wapenje. Dy-t net sjitte koene, learden it dy joune noch by de walmige
lantearne en in stikmennich kjersen, sa goed en sa kwea as ’t gyng en
dy-t it net handich genôch stie, dy retten hjar oars wol en scoene de
seine en ’e heafoarke meinimme ta hjar forwar. Gjin minske krige dy
nachts in wink yn syn eagen. Kamen der fen ’e Ham gjin fiif en fyftich
del en fen ’e Pein sels acht en tweintich? Selst âlde Wobbe rekke noch
mei, hy scoe de hynsders menne fen ’e wein, hwer Bindert Japiks en de
oaren fen syn ploechje op ride scoene, hwent Collum wie for hjar fierst
to fier om geandefoet to kommen.

En Ryklef Ripperda.... Nou wie ’t den sa fier.... Hwet him roppen hie,
lûd fen stim, selst yn it fiere Saksen, selst mei noch net kenber lûd
yn ’t hjitst fen ’e freugd yn Bohemen.... nou bigoan it him to
bilichaemjen, woe ’t kend wêze fen him.

En hy!? Hy naem it oan as in frjemde jefte folgens Heger Bistel. For de
twadde kear waerde ’r nou dos ferge, om blyk to jaen fen syn
oertsjûging. En wer scoe it wêze foar in hiele smite folk, licht wol
tûzen, lyk as it do ek wie dy deis to Ljouwert. Oranje ôfswarre en
knibbelje foar it Frânske gesach! Den, ja den! is der mar ien kar!
Miende ’r noch net it trochknappen fen syn sabel to hearren en ’e klets
op ’e balflinten? Oranje ôfswarre! det noait.... do net, nou net en
noait!

En hy skoarre him ta dit forset. Hy seach noch ris wer syn
planteikeningen nei, hwer hy fen wiste, det Jan Binnes in twadden ien
fen hie, yn ’t holst fen ’e nacht kaem fen Scheltinga fen Stynsgea der
noch by en Foppe Theunis (Rispens) fen Surhuzum en de oare moarne, dy
noait wer to forjitten moarne! triek de hiele smite, sa ’n great
tachtich man oer Stynsgea op Collum oan, om hjar frjeonen, opsluten yn
’e Collumer tsjerke, mei to ûntsetten. Foarenop Wobbe, de beide gleone
brunen foar de boerewein en der fen Scheltinga op en Bindert Japiks,
Timen Hendriks fen ’e Pein en de beide broerren Gerrit en Marten Klazes
fen ’e Ham en de oaren to gean, bihalven den de jonker en Wytse en
Ritske Binderts op ’t hynsder.

Het Geregte fen Achtkerspelen, bilichame yn ’t haedplak fen ’e gemeinte
Stynsgea yn ’e persoan fen fen der Kooij, bipluze krekt syn
moarnsbrogge, do-t hy in nuver geraes en gebear hearde op ’e wei. Hy
hie to nacht min sliept fenwegen dy nachtmerje to Collum mei dy
healwize Abele en wie al ier-en-betiid fen ’t bêd kaem en lies for
fordiwedaezje „rapporten” en dronk der syn kofje by en iet in flaubyt.
’t Smakke allegeare like min. Nitelich smiet ’r de boel der del.

Hwet wie det? Dy Bindert Japiks lyk foar syn hûs fen ’e wein en det nei
’t tsjerkhôf ta? ’t Wie noch mar skimermoarn, mar dit miste him dochs
net. En hwa wierne dy oaren? Hwet moasten dy nou wer? Der wie nou ek
suver altyd hwet, min scoe yensels der om forgrienne. En.... De mûle
bleau him heal yn ’t kear stean fen skrik. Bigoan der de klok.... to
klippen?....

„Hindrik!” raesde ’r. „Der út en sjoch, as der brân is ef soks
sahwet....”

„Ik.... doar.... net,” hime dy en kroep yn in hoeke by ’t bedsket.

„Wel den donder, den scil ’k sels,” en hy stapte as in pau ta de
efterdoar út. It tsjerkhôf stie fol Hamsters en Peinsters en de klok
klipte earmoedich en der bigoan me de Surhuzemer en dy fen ’t âld
klokhús fen Bouwekleaster ek al en de Hamster....

„Helje eksteur!” raesde ’r pûr. Mar eksteur wie wei en bleau wei. En
liet de klok mar klippe en liede.

„Sa lang der klokken liede kinne yn Fryslân, scil ’t for Oranje wêze,
wit det, dû gemiene patriot. Scill’ wy dy de nekke ris omdraeije?” sei
ien út in kloftke jonge Hamsters en hja raemden nei him. Hie ’r de
jichte net? en as in âlde foks kroep ’r wer yn syn hoale en markbite
nau, hwa ’t yn ’t foarste gelid stie fen dizze reboelje. En hy gnyske,
do-t hy seach, it wierne Bindert Japiks en jonker fen Scheltinga, syn
eigen doarpsnoat en ek sa ’n forflokte prinsman.

Fen alle kanten streamden de minsken ta, fen Surhuzum en ’t Fean en sa
gyng ’t nei Bûtenpost. Der kamen der wer sa ’n njuggentich by,
swijchsum en stoef, âld en jong, ryk en earm, mar meast dochs de
geseten ljue, lytsman en patriot wie pankoekje út ien bisleek. Dy hwet
wie, hâldde oan God en Syn gesach fêst, wie Prinsman en ’t minder
soarte kroep, om de frânske krûmmels, dy-t hjar tasmiten waerden, to
bisetten.

Bindert Japiks seach om him hinne. Trou kamen se op, syn foltsen. Hy
seach Japik Durks Cuipers fen Bûtenpost en Wybren Lourens en Roel, syn
broer en Eabe Tsjeards Rispens de Boksumer en Roel Stuit, de keslein
fen ’e Roskam en Wytse Eabeles fen Stynsgea en Metske Ates en yn in
kloftsje appart sahwet it hiele Optwizeler manfolk, Wibe Lubberts
foarop en Bindert en Wolter Jans en Piter Wytses en Wopke Tabes en hwet
fjierder efteroan op in greate mallejan op in pear stevige beamstammen
de geseten ljue fen ’e Koaten, Jehannes Piters de leijen yn ’e hânnen
fen ’e hynsders en de iene hie in oranjelintsje oan ’t hoofdstel. O dy
âlde ljeave, sa forspuide kleur! de triennen skeaten him yn ’e
eagen....

Der wie ôfpraet, de jonker Ripperda scoe him earst mar hwet appart
hâlde, om net tofolle each to jaen, al wie hy hjir twisken al dy
trouwen ek noch sa feilich as hwet, mar einliks Bûtenpost foarby, liet
’r Bindert Japiks syn bêste hynsder, in moaije swarte rún foarkomme en
sprong er op, jong fen swaei en ried de oaren foarby en oan ’e spits.

Sûnder commando oardere it folk him. De wei roan alhiel fol, hja kamen
fen ’e sydpaden en út Feankleaster en stadich gyng ’t op Collumer
Fallaet en Collum ta. It wie nou al moarn.... de ljochte dizen seine
it, dy-t stadich oploeken en troch in spjalt hwet fen it Easten sjen
lieten, hwer de sinne blijread tynde boppe de rûchfearzene wrâld.

By de Krúswei moeten se einliks Jan Binnes en de oaren. Dy foel in
stien fen ’t hert. Hy wist sels mar al to goed, hokker macht as ’r hie
oer it folk, mar kriichskinst, regele forset, ja! det wie en bleau in
sluten boek for him.

„En nou mannen,” sei ’r. „Sjoch jimm’ dizze? Det is ús jonker Ripperda.
Wy hâlde it ek mei ús âld regear en scill’ ús forwarre ta it uterste
der for, net?”

„Ja, wy allegearre....” rôpen se.

„Wy scille noch.... dizze hat it al dien. Jierren lang hat ’r for de
saek fen Oranje as in balling omtoarke, earmoed lit en forfolging. Hy
hat de proef op ’e som bistien. Hear him en doch nou, hwet hy seit. Hy
wit it.”

„En dû....?”

„Ik tsjinje him,” sei Jan Binnes dimmen en bûgde syn holle. In earste
sinnestriel syn glâns foel op syn swart gled hier en ’e keal útskearde
jonge nekke. De gouden ringkjes yn syn earen glinsteren.

Al stoarjende wei seach Ripperda it. Sa ’n lyts, ienfâldich genierke en
dochs in persoanlikheit, in sterke diedkreftige persoanlikheit! Hokfoar
kreften moast dit teare, jonge lichem bergje, om sá in mennichte fen
folk nei syn wil liede to kinnen, det se selst net iens rjuchts ef
lofts seagen, mar blynwei roanen, hwer hy roan en stok-stiif stiene,
hwer hy stie? Ho ’n fjûr moast der fenbinnen barne, det selst de lôge
sa fier waermje koe?

It folk kearde him ôf fen Jan Binnes en seach op nei him, guont fol
tsjinsin, miende ’r to bispeuren. Mar hja moasten, der wie gjin ûntwyk,
Jan woe it ommers sa ha.... Jan wie hjar rjuchtlike oerste, al ho ’n
war ’r nou ek diich,—en det scoe ’r sels ek wol wer it bêste witte,
hwer it om barde—om de hege hearen nei foaren to triûwen. Hege hearen!
sokken kamen der al mar mear! Jonker Eiso de Wendt en siktaris
Gerroltsma en Boate Eskes en dominé Riedel en Else Louwes Siccama en
Ritsma.

Stadichoan abbesearen se det út nei Huster-Noard, Kollumer Fallaet
foarby, hwer gjin minske to sjen wie, de lûken foar de finsters en alle
doarren potdicht. Jan Binnes seach it. Hy lake syn smel gnyske, der it
yen kâld by oer de lea gyng. En hy wonk in stikmennich knapen, om by
him yn ’e efterhoede to kommen. Hwet der bikoezzemoezze waerde, hwa hie
der erch yn? Nimmen. Elts foar oar, tsjerne mar ien ding yn ’e tinsen
om, aloan en alwei, hoe scoe ’t gean by de sted fen Dockum, as de
poarten ris opeaske waerden út namme fen Oranje? Hwet waerde der it
andert? Ho scoe ’t der joun foarstean om dizze tiid?

It wie nou in ûre ef njuggen. De sinne kleau.... it waerde omtlitten
waer. Der dreau in swiete wyn it Suden út wei oer it gea, yn
heimsinnige boartlike flustering telde ’r fen foarmaitiidswille, fen in
earste knopjende blom.... in nij bled, yn ’e smoute fen in hússide oan
’t ûntjaen.... in ljipke yn ’t hast wolkenfrije blau, det oer ’e wjuk
slacht en it wite douns fen ’e earste skieppewolkjes, omkroljend foar
dy lije wyn! It bifearzene gêrs bigoan to teijen, der flonkeren nou
tûzenen diamanten oan, in winterkeninkje song, in stik ef hwet protters
sieten op in trop to kweeljen yn in keale, wite beam en boarten de
kâlde wjukjes waerm.... O it wie sa moai dy moarne! It stille wetter
noch moarnsslûch en de beammen hjar toppen allinne mar wekker, blijread
de brune elzeknoppen yn ’e wallen fen ’e sinnestrielen en brúntsjuster
de stammen fen ’e greate ikebosk fen ’t Hús ter Noard.[2]

 [2] Dêr stiene doe sa’n achthûndert ikene stambeammen.

By Rinsmastate to Driesum wie ’t halt, de lêste rêst foar de died.
Ripperda dielde nou syn folk yn trijen.... dy him de bêsten liken en de
drysten, hâldde ’r by him, om de meast forsterke Wâldpoarte mei to
bisetten, master Marten Joukes fen Driesum krige de twadde ôfdieling en
Jan Binnes mei syn folk, allegear rouwe knapen, dy-t wol net fen wiken
witte wolle scoene, de trêdde.

Mar hwer wie ’r? Wei, as hie de groun him opslokt. It diich hjar
allegear nij. Allinne syn frjeon Tsjibbele seach ’r neat net raer fen
op. „Jan giet frjemde wegen optheden.... ôfrekken hâlde,” sei hy
heallûd tsjin Ripperda. „Strak ansens komt ’r wol wer.... Mar....

„As ik him den noch mei ha wol,” en Ripperda seach rare stoef. Oarder
moast der wêze en selst Jan hie nou in haed boppe him.

„Ik scoe optheden net graech yn Keuning syn fel sitte,” flustere fen
Scheltinga fen Collum en kaem Ripperda op ’e side riden. „Jan hâldt de
macht oer himsels, sa ken ’k him, mar oars.... ’t koe in moard
wirde....”

Ripperda waerde kjel. It lytse, stevige mantsje kaem him foar de geest,
de kantige holle, de wrede mûle, de frjemdwoeste flikkering yn ’e
moaije eagen, krekt as flikkere der seineskerp yn, det om bloed rôp en
it waerde him onhaechlik to moet.

„Moat der hwa werom en helje him....?”

„Ik wit neat.... ik foronderstel allinne. Lit him syn eigen stip
bireare....” warde fen Scheltinga him der tsjin.

En Jan Binnes birearde op Collumer Fallaet syn eigen stip. De knyft yn
’e hân en sa ’n fjouwer man by him, fleach ’r yn ’e hûs op by Keuning,
dy-t him oankommen sjoen hie en op it hea forside kroep en wiif en bern
mei de bringst oanpiele liet. Hja raesden wakker en skeaten mei los
krûd yn it skûrke en stieken yn ’t hea, om Keuning to formoardzjen en
jagen de brân yn in spoennebult efterhûs, det de lôge en ’e stank
bearden raer, mar Keuning kaem net út syn forskûl. In oar wiken lang yn
’t tichthús sette, sa ’s dy feint efter Collum oandien wie en der ’t
letter fen útkaem, der hie dy stimper net hândiedich oan west en selst
it hiele saekje wie net iens bard, mar in útfynsel fen Keuning, dy-t in
pik hie op dy ljue—soks, ja soks! det wie trewis for him. Nou him sels
it fjûr ris nei oan ’e teannen lei waerd, wie ’r allinne for syn eigen
fel en bonken binaud en wiif en bern moasten hjar mar redde.

De kearels sloegen mei stokken en houwdegens en easken alle wyn en
jenever, dy-t mar yn ’e hûs wie en do jagen se syn wiif en alle bern ta
de doarren út.

„Gien dû mar nei Ael, den kin se tominsen sjen, det ’k dy net deadien
ha en ek de bern gjin hier krinkt,” raesde Jan Binnes hjar efternei. En
’t minske diich nei syn wûnder wird en bilânne goed en wol by Jan
Binnes Ael. Hja kaem der wol faken, hwent it great fanke fen Jan Binnes
tsjinne by hjar en hja koene it skoan lyk-fine, al wierne de manljue
den ek gebeten fijannen.

„En nou scille wy dy kearel fen dy wol ta ’t hûs útswitte,” bâlten se
alhiel dûm en swaeiden greate barnende striewisken yn ’e hân, om ’t hûs
en rôpen lûd, brân! brân! Stilwei trapen se de gleone dingen efterhûs
wer út, mar Keuning boppe op ’t hea hearde it gegûl en ’e forwinskings
en stoar tûzen deaden yn dy inkelde ûre. In bult fen syn sounen waerden
der mei ôfbitelle.

In aerdich skoftsje letter foegen Jan Binnes en syn folkje hjar op
stellene hynsders fen Keuning wer by de oaren. Jan Binnes kroep jonker
Ripperda al ris sa stilwei op ’e side as in great jonge, dy-t him raer
misbreukt hat en hwaens gewisse ûnder de eagen fen heit wûnderlik
bigjint to tikjen, mar de jonker seach yn ’e oarre-wei en diich krekt,
as bistie ’r net. Det koe ’r net daeije.

„Wy ha net moarde,” sei ’r einliks skruten en ried deun njûnken de
jonker.

„Ik freegje neat, wol?” andere de jonker koel. Oerhearrige ljue, der
hie hy it mier oan.

„Ik moat prate, oars stik ik hjirre!” en Jan Binnes skûrde yn ien hael
de wollene das fen ’e hals. „’t Scoe wêze, as hiene wy hwet onearliks
útspûke. „En det is ’t net....”

„Nou den....”

„Ik ha mei Keuning ôfrekkene.... Ik moast.... ik.... ha him oan ’e dead
ta pinige.... Den is de divel yn my sterk.... in wrede hear,
jonker....”

Ripperda hâldde syn hynsder yn. „Hjir, toside fen ’e wei,” sei ’r as in
bifel. „En as der ek mar ien drip bloed fallen is, den bistû my to min
om mei. Den walchje ik fen dy.... en fen dyn gelikens....”

Alle bloed skeat út Jan Binnes syn antlit. Hy waerd’ sa wyt as in doek.
Syn hânnen, stevich om de moanjes fen ’t jonge hynsder, groeven hjar
noch djipper yn it sidene hier. Hy sloech de eagen foardel.

„Nou?!” It lûd fen Ripperda wie hird, as sloech der in stien tsjin in
stien. „Ik wól de wierheit en oars.... bist ús maet net mear.... Hwet
ha jimm’ mei ’t wiif dien en ’e bern....?”

„Der útjage foartdaedlik en.... in leech fetsje efternei smiten....”

„Is det de wierheit, Jan? Ast my bidraechst, ik bin yn steat, dy foar
al it folk hjirre, Oranjeljue! Jan Binnes, ta ús smite út to bânnen.”

„By myn earme siele, it is de wierheit,” sei Jan Binnes démoedich, syn
eagen great en fol yn ’e jonker sines. De siele seach sa frank en frij
troch hjar frjemde finsters, det Ripperda wist it, hja liichde net.

„En dy Keuning....?”

„Sit noch op ’t hea.... Hat miend, wy stieken it hûs yn ’e brân....”

„Hwet?”

„Wy ha in spoennebult yn ’e brân stutsen. It stjonkt noch wol trije
dagen.... O jonker, it moast der út, ik koe net mear libje sá. Ik moast
him krûpen sjen.... Nou is myn haet bikoelle en bin ik wer minslik, in
minske lyk as de oaren, as waeks yn jou hânnen.”[3]

 [3] Historysk fest stiet, det der by Keuning neat oars bard is as
 bangmakkerij.

„Lit it net wer foarfalle,” warskôge de jonker him en wylt syn each op
it hynsder foel, hwer Jan Binnes op ried: „dy liende guds bringst joun
werom, bigrepen? En nou.... dû bliûwst op dyn post, al rint ek alles
wan. Toan, det ’k dy noch bitrouwe kin. Kin ’k der op oan?”

„Yn libben en stjerren gien ik net fen myn post,” ûnthjitte Jan Binnes
syn helder jong lûd en hy rekte syn breed sterk boarst, hwer it
moedige, hertstochtelike en fen wûnderlike stimmings bihearske hert
hastich fen tik it soune bloed troch de ieren polskje liet.

Jonker Ripperda seach him oan, syn hert waerde weak, hwerom, det wiste
’r sels net. Hok in nuver boun, hja beiden en doch.... „Ik leau dy,”
sei ’r ienfâldich en ried wer foar him út. „Meitsje dyn paed skjin en
myn bitrou net ta skande.”

In ûrke fen Dockum ôf wachten se op ’e joun, om den de sted op to
easkjen. ’t Wie stil yn ’e natuer, der waeide gjin wyntsje mear en ’t
smel streekje moanne joech krekt safolle ljocht, om de wei sjen to
kinnen en de trekfeart, in minne maet, as ’t ris ta fluchten kaem,
tocht Ripperda, tominsen, as min der gjin rekken mei hâlde. In eintsje
fierder leine twa greate tsjalken njonken inoar. Hja stieken krekt de
lantearnen op, ien foar ien, oan ’e mest ien en ien by ’t roer. Hja
skommelen wakker op en del, bitsjoend liken hja wol, hwent de skippen
sels leine deastil. Ripperda glimke en joech him nei de greatste tsjalk
ta. „Is de skipper Jan Roasje dêrre?” rôp ’r by de planke.

„Presint en mei jou wolnimmen, sa soun as in fisk yn ’t sâlt wetter”,
hearde ’r roppen. „Kom harren”, en hy loek de jonker suver yn ’t
foarûnder. „Wy lizze hjir al sont fenmiddei.”

„Hwet ha jimm’ yn?” en de jonker gnúvde nijsgjirrich om him hinne.

„Ikke.... fracht fen Porter fen Harns, swiere ikene planken en de
alderlangste juffers, dy-t mar to krijen binne en myn maet fen ’t
selde. Ast wêze moat, kinn’ wy mei dizze beide tsjalken en ús lading in
feilige brêge meitsje dwars oer de feart, sa ’s ús hjitten is.... As
jimm’ foartgiene, bigjinne wy der oan.... ’t Is to hoopjen, it wirdt
net brûkt....

Ripperda sloech yn oar praet. „Hwer binn’ de hynsders?” frege ’r.

„Fjouwer yn tal, rinne hjir yn ’t lân.... Bêste dravers. Binn’ yn in
omsjoch op Collumer Aldsyl.... Der swerft Porter syn kant skipke al
sont in skoft om. In goed ûntwyk, jonker. Feilich oer ’e sé, hwent hwet
derjinsen brouwt wirdt....”

„Ho det sa?”

„Is net folle goeds. Hja ha der in kenon en fen ’e moarn is der
forsterking kaem fen Ljouwert, by de Ie lâns, seach ik se gean. Mar der
binn’ ek oaren ûnderweis, ûnder ’t bifel fen in hege hear....”

„Mar hofolle Frânsken wierne der sa hwet?” fiske de jonker hastich, om
syn birekken meitsje to kinnen.

„Sa ’n fiifhûndert man, meast âldere knapen. Ik ha se allegear
mei-inoar yn ’e Ie winske, om to smoaren yn ’e blaumodder”, bislute Jan
Roasje syn tynge.

Ripperda diich in setsje it swijen der ta. „Wy hoopje se stof to
leverjen, Roasje”, sei ’r optlêst. „Ik ha my sels oan ’t nou ta tsjin
elts iepentlyk forset keard, mar as in minske to lang fakseare wirdt,
den krijt it forset him yn ’e macht op gelyk ef ongelyk. Hy rint den
rjucht troch, al is ’t ek tsjin in mûrre oan.”

„En doch, de druk is ek oan in tiid ta”, sei Jan Roasje sa smoutwei
foar him hinne. „Nei in dei fen hirde wyn falt min sims sa mar yn ’e
lijte.... Jonker, Gods seine oer jou dwaen’ en as ’t op ’t slimst komt,
den trije fjûrpylken foartdaedlik nei inoar oan ’e Damwâldster kant.”

„Det ’s goed, hwent wy stiene by de Wâldpoarte. Der it kenon ek stiet.”

„Myn goede, ho witte jy det nou al?” rôp Jan Roasje.

„Ik ha sa myn sindboaden en det binn’ goede útkloarkers.” En de jonker
nikte him frjeonlik ta en gyng syn wegen nei syn folk, yn wachtsjende
rêst op ’e berm en yn it lân der omhinne, de âlderen op ’e weinen to
pypkjen, de jongeren hjir en der op tropkes, inoar oanhysjend mei
hjitte wirden en mar kwalik harkje wollend nei de wet fen stilswijen en
biredt wêzen.

Einliks piipe der in fyn fluitsje, stadichoan kaem der biweging yn ’e
tsjustere skynsels, dy-t hjar út de dize fen it lân los makken en elts
op syn plak torjuchte kamen. Gjin wird waerd der mear sei.... it waerd
nou tinken. Min fielde nei de trekker fen ’e snaphaen, loek de
houwdegen ris healwei út de ské ef skodde it krûd ris yn ’t hoarntsje
ûnder ’e jas. It bloed bigoan hirder to streamen, de oerminske syn
wylde instincten fen forwar en stryd waerden wekker út in ieuwenlange
sûze.

Ripperda, strang en stil op syn great hynsder, seach se him foarbygean
yn ’t flauwe moanneskyn waer. Marten Joukes, lang en smel boppe de
oaren út, geandefoet twisken sa ’n trijehûndert man nei de
Hantumerpoarte, it minst biswierlike plak. It kaem him ta.... ’t scoe
der in maklike sege wirde kinne. „Joun”, sei ’r ienfâldich en it klonk
Ripperda yn ’e earen, as scoe der nei dit joun folgens him in bliid
ûnthjit fen moarn folgje. Hja gyngen, hja waerden wei yn ’e dize fen ’e
teijoun. Noch efkes klonken hjar stappen.... do naem it lot se yn ’e
kniep fen syn earms. Stil gyngen se yn stiif en steech bitrou op in
ginstige útslach.

De twadde kloft oppeneare him hiel hwet roeriger. Der klonken
flokwirden, der flikkeren knyften en houwdegens en guont bisochten, om
de oaren foarby to kommen en yn ’t foarste lid to reitsjen. Den waerde
it kreauwen.

Jan Binnes, rjucht en steil op it stellene hynsder, ried foarop. Sá hie
de jonker it wold, hy diich it en fielde him op syn rjuchtlik plak.

Syn frjemd, skerp teikene antlit like nou yn ljochtmoanne waer noch
witer en wûnderliker as oars.... Ripperda koe der skoan ynkomme, hwet
se him sims neijoegen fen tsjoene en bisprekke en sa.... hy mei syn
forljochte tinkbylden leauwde it net en dochs.... der wie in sfear om
dy man, oars as fen de twahûndert, dy-t him folgen. Hy selst kaem ien
amerij ûnder dy frjemde ynfloed.

Det wie, do-t Jan Binnes oan him ta wie en de hynsders noch ris lyk
neist inoar stiene. De gounzjende minskeswarm bleau in tred twa tobek,
fen Scheltinga hâldde se yn lust, mar stilkrije koe ’r se net, hja
waerden al mar roeriger.

„Stil dêrre,” rôp Jan Binnes. Syn helder lûd trompettere oer it folk,
selst de fjirdsten hearden it.... En selst yn det lûd wie hwet fen ’e
tsjoen fen ’e man.... it folk swijde op itselde stuit.

„Joun jonker”, sei ’r bidaerd, hiel efkes in oare, waerme ûndertoan yn
it moaije lûd, in teare aeijkjende fal.... „it wirdt nou libben ef dead
for Oranje.... ús Oranje.... jowes en mines. Gjin macht op ierde krijt
my fen myn plak.... Joun wirdt alles bislist....”

Hy sette it hynsder oan en it tsjuster diich in taest nei him en as in
woelige sé waerden se allegear wei yn ’e nacht. ’t Scoe in swier stik
wêze, dizzen yn bitwang to hâlden, allinne in Jan Binnes scoe ’t
bistean kinne. Hy koe se wol om ’e finger wine fen ’e leechste ôf oan
’e heechste ta.

Ripperda rôp de lêsten en de measten om him hinne. It wierne de
alderbêsten en de bitroubersten út de Dongeradielen en fen
Achtkarspelen en om Birgum en Feanwâlden hinne. Foppe Lieûwes wie der
middenmank, Bindert Japiks, al de Koatsters en Twizelers, alles fen
Bûtenpost, de Sweachsters en de âlderen fen Collum en Boerum en
Mûntsjesyl. Hja scoene nea krimp jaen, tocht him en dochs, as hy him
tobinnen brochte, ho hy sels de earste kear yn in hjit gefecht yn Polen
trille hie as in bern, do-t de kûgels om him hinne bigoanen to
fluitsjen, den bikroep him sims ek wol eangstme, as ’r dizzen seach.
....Ljeave, goedwillige, hjithollige skare! tocht ’r, wylt se stadich
foart abbesearen. Scoene se him folgje kinne en net tobek skrilje,
selst net foar de dea....?

Stil-wei gyng ’t nei de Wâldpoarte ta. De lêste neikommers út de
Wâlden, út Ljouwert en efter Ljouwert fendinne, sa fris as in nút,
sluten hjar by hjar oan.

Ien skreau: Dockum for Oranje! der poften de earste snaphanen en
gewearen en stoarmen se op ’e Wâldpoarte yn. It fjûr knettere, swiere
balken waerden tsjin ’e doarren set en taraemd. Koe de iene ploech net
mear, de twadde kaem, de tredde, de fjirde, de fyfte. Efkes wie it
stil, den klonk it geknetter wer, fûleindich setten se al mar wer ta op
’e poartsdoarren.... De greate swiere skoatels rattelen, de knieren
krêken. Der splintere al ris in stik fen ’e balken.... Ripperda en de
oare bêste skutters mikten al mar oan op ’e kykgatten, hwer se út
bistokele waerden fen in hjit, oanhâldend fjûr, det net folle skea
joech en sims alhiel swijde. Den wierne der kûgels rekke en kamen der
oaren op it lege plak.

Mar ynienen krigen se huf. Hja bigoanen der oan ’e binnekant finniger
fen hjar to fjurjen, lang net mak. It fjûr waerde net mear stil en mei
opsetsin waerde op ’e foaroanmannen mikt, Ripperda en fen Scheltinga en
Ritsma.... Ien dekte Ripperda mei syn eigen lichem.... in reus fen in
kearel, dy-t in efterkret fen in wein as dekking brûkte. Yn in omsjoch
siet det as in souwe fol gatten en fleach op ’t lêst yn ’e brân. It
gefaer kaem tichteby. Hja skeaten goed, dy Frânsken, al wierne der net
safolle miskien, hjar ark wie goed en de hân bidreven. Lokkich, de
Oranjemannen spilen ek net swak by, it waerde sahwet kamp.

Noch stie de poarte.... noch wie der net ien tûmbré groun woan. As ’r
nou net gau hânnele waerde, rekke de boel op it deade punt en....
Scoene se ûnderlizzend partij wirde moatte? tocht Ripperda en seach
twivelriedich nei de sterke poarte. Tsjien stappen fierder, hja hiene
de sege, tsjien stappen tobek.... Fryslân wie forlern, noait scoe
hjarren ea wer sa ’n kâns yn hânnen jown wirde en hjit en jong fen moed
fjurre hy syn folk ta it allerúterste oan, mikte sels sûnder rêst op it
greate kykgat fen de poarte, hwer hy de foarmannen fen ’e fijan wer op
’e loer wiste. Efkes stil, bigoan de stoarmrin wer en o mieri! de
poarte fleach wiid-waech op.... De Oranjemannen foelen werom fen ’e
weromstuit op hjar eigen maten, ien amerij fen bisluteleazens.... de
sterkste stie it hert fen skrik stil....

In great kenon skeat syn earste kûgel yn it folk op. It gejammer, det
der op folge, wie freeslik. It hie neat minseliks mear. Sá scil in dier
kreune yn deadsbinauwinge, as de syken ta syn earm lichem útgiene, mar
in minske?! wierne det minsken, dy-t der op ’e groun omrôllen en den op
in roungear protsje lizzen bleauwne? Wierne det minsken?

It hiene minsken west, soun en jong, noch gjin fiif minuten lyn. Nou
dreauwne se yn hjar bloed en smoarden der yn....

Sa ’n trije-, fjouwerhûndert joegen gjin krimp, dy hâldden stand, de
oaren wykten, deadseangstme yn ’t hert, tobek. Ripperda sels gyng yn ’e
sjitlynje stean fen ’t kenon, twisken de wounen en deaden yn, de sabel
yn ’e fûst, biredt om ta it uterste to striden.

„Hwa stiet my by, dy komme nou op!” rôp ’r, syn lûd heas fen ellinde en
meilijen.

Fen Scheltinga, de Wendt, Wibe Lubberts, Joege Innes en Schotmans
sprongen him by en noch sa ’n tweintich oaren en bisochten meiinoar, om
it folk wer nei foaren to krijen. Mar dy hjar kreft wie britsen. Ien
draeide him om en gyng op ’e rin, mear folgen, in stik ef hwet pakten
de wounen op en droegen se foart en de deaden sleepten se oan kant, de
pet oer de britsene eagen.

Der kamen nije forsterkings fen syn folk, al wer nijen, Ripperda seach
se kommen en der tynde wer in griselke hoop yn syn hert. Hja lieten der
him net allinne foar sitte, al moast it den ek hjar bloed kostje.

Wer fleach de poarte op.... en nou wierne se klear for de saek. It
kenon wie der en dochs, der kaem gjin lûd. Ta twa kear ta waerden de
bitsjinners der by wei sketten en do waerde it fechten man tsjin man,
de bitûfte Frânsken tsjin ’e goedwillige, onbidrevene Oranjemannen.

Ripperda seach it oankommen, liet syn fjûrpylken ôfsjitte. Lokkich, de
dekking wie der for de flucht en gjin fiif minuten letter wie al it
folk yn dusoarder, smiet de snaphanen wei en fleach, sa hird as ’t
rinne koe, foart, de forstânnigen joegen hjar hastich út de skotlynje
en fjurren noch, sa folle as se koene, mar och! hwet joegen dizze
hûndert, as der tûzen nedich wierne?

Oan syn hert ta troffen fen dit leed, seach Ripperda se foartslûpen. De
opset fen jierren wirk, fen tûzenen en tûzenen fen kosten to pletter
slein, alles forlern, alles foarby! nearne mear útkomst út dizze sompe
en grimmitich en bidroefd fen beiden, oardere hy syn lêste trouwen, in
hûndert man ef trije en bistoarme yetteris de poarte, dy-t nou wer
ticht wie, om it kenon, in saunpounder, to laden. Wer mis. Do waerde hy
pûr en hy hjitte se allegear, om tobek to gean en allinne mei Wibe
Lubberts rôlle ’r nou in fetsje ef hwet krûd stilwei foar de poarte en
lei ’r de lonte sa nei oan, det ’r by ’t iepengean fen ’e poarte op it
fetsje komme moast.

Alle folk waerde nou al fierder en fierder efterút dreauwn.... in
drysten ien, dy-t der mar op ’e noas by stean bleau, krige ’r by de
mouwe en sleepte him sels efterút.

Hja hâlden op mei sjitten. „As de poarte iepengiet en it kenon
bigjint.... den mikke, ienkear! en toside! en foart,” wie syn bifel.
„Us tal is nou to lyts, om mear hwet to weagjen.... dizze iene ôfbrau,
dy kin ’t noch lije. De wounen op ’e weinen en ús deaden.... God wêze
hjar siele genedich....” Hy wist it tal al, hjir wierne it trije[4] en
sa ’n stik ef toalve wounen, net swier, mar ho scoe ’t by master[5]
wêze en by Jan Binnes. Hiene hja it hâlden? wierne se yn ’e sted? Hy
wie syn rie suver to ’n ein.... knypte de hânnen ta fûsten. O! Oranje
Fryslân, ûndergong for altyd, yn ’e weazze wei....

 [4] Piter Lieûwes fen Feanwâlden.

Piter Emkes en Theunis Gerbens fen Ikkerwâld.

 [5] Dêrre twa deaden: Heime Gearts fen Driesum.

Sikke Sjoerds fen Damwâld.

It waerde stil ûnder it folk, hja fielden, dit waerde de lêste útsetter
en dizze getrouen, dy-t de tastân like goed biseften as hy sels, waerde
it moed fol. Wibe Lubberts en Joege Innes gyngen deun neist him stean,
hy wist, hja scoene hjar lichem jaen, om sines to redden, as ’t wêze
moast. Oars gjinien, de oaren wykten sa neigeraden al mar mear tobek.

Mei in ruk fleach de poarte wer op, in getonger en geknetter fen
gewearen, pistollen en snaphanen, ôfsketten op det iene stuit, in
skynsel fen in bult minsken om in swier tsjuster ding, in felle slach,
noch ien, noch ien!

„Efterút! efterút! foart!” raesde Ripperda en sels fleach ’r mei de
oaren yn ’e wâl efter de âlde beammen.

De poartdoarren barsten yn stikken en fleagen wech en der wear, geraes
en gejammer sûnder ein, noch folle slimmer as nys by hjarres en der
ynienen in greate slikjende lôge op twa plakken tagelyk, gekreak, in
freeslike plof....

„Foart!” rôp Ripperda, en syn folk, bijljochte fen ’e brân, fluchte fen
’t steed, hwer se in skoft lyn sa fol moed hinnetein wierne.

„Us deaden ha hjar selskip meikrige, leau ik,” sei Wibe Lubberts, wylt
’r noch ris omseach. Ripperda andere net, de lust ta praten wie him
gled-wei forgien.—

De tsjalken leine der noch en Jan Roasje holp mennichien oer dizze
frjemde brêge, om to ûntkommen, howol der ek noch sa ’n tritich man
finzen rekken, dy-t eigenwiis, op eigen manne boete bisocht hiene, by
ien fen ’e oare poarten to kommen, om to sjen, ho-t it der foarstie.

De oaren bigoanen nou ta hjar sels yn to kearen, stil as it wie en it
gedreun fen ’t kenon dien en ’t sjitten ek.... bispeurden oan alles, de
saek wie gled forlern, al scoene master en Jan Binnes ek oan de
winnende hân wêze, hwer mar gjin wissichheit fen to krijen wie. Tael
noch teiken.... earst hearde min noch sjitten yn ’e fierte, nou wie det
ek stil. Hja wisten, master en Jan Binnes hiene gâns forsterking krige
fen Ljouwert, scoene se hjar man stien ha en gjin krimp jown? In pear
flugge bazen bisochten yn in boatsje om ’e sted hinne to kommen en nei
ien en oar to pinfiskjen. Hja hoechden net fier, as hja seagen it spark
al dwalen. In hiele heap folk kaem der bot oerstjûr oanfluchten....
Master finzen en Jan Binnes flucht as de alderlêste, allinne
oerbleauwne en in stik ef hwet Frânsken him as hongerige wolven nei. En
wol tachtich finzen.[6] En trije man swier forwoune en ien dea. Det
makke stil. Min hearde gjin flokwird mear.... gjin geswets. De dead
ware om hjar, de libbenen, for syn greate wite majesteit wierne se
allegear bang.

 [6] Sjoch de oanteikeningen efter yn ’t boek.

In inkelden ien fen ’e âlderen stiene de eagen fol triennen. De lêste
stryd forlern.... alle hoop wei, alles to niete! Stilwei hokken se by
inoar, Foppe Lieûwes en syn kornuten, allegear as troch in wûnder de
kûgel ûntkaem, net ien hier op de hollen krinkt. By Jan Binnes syn
poarte stie ’t der folle slimmer foar, dy tachtich finzenen wierne fen
de alderfornaemsten, pakt by in bistoarming fen ’e poarte, dy-t
mislearre wie en útroan op gefecht fen man tsjin man.

En Jan Binnes? „Dy is net ien hânbré wykt. Elts fen syn kûgels wie in
treffer,” fortelde in nije boadskipper Ripperda. Mar hwa kin it hâlde
tsjin in oermacht?

Ho krekt wie alles útkaem, sa ’s hy det foarsei hie yn ’t húske to
Iestrum, tocht Ripperda. In oermacht fen tûzenen hiene hja habbe
moatten, scoe dit forset eat bidijd habbe. Hy biet him op de tosken fen
ellinde. Dit dos de ein fen alle dreamen! Smaedlik weromjage en de
Jacobijn in nij wapen yn hânnen, hwer ’r syn profyt fen trekke scoe en
hjar útsûgje as in bloedsûger.

Tiid fen wachtsjen en treurjen, wie der nou net. Fluch it folk
oarderje, weinen en hynsders efteroan for dekking, nij krûd klear,
kûgels en lead, as se ris efterfolge waerden.... In stille skare wie ’t
nou, as gyng ’t nei in bigraffenis, de deaden op twa boereweinen yn ’t
foarmidden. En Marten Joukes en Jan Binnes kamen net mei werom. Fen syn
folk wierne net sa folle finzen rekke, as by de earste raem in stik ef
hwet. En hwet scoe hjar to wachtsjen stean fen ’e Jacobijn, dy wrede
hear?

In fiere klok sloech alve ûre, dos yn lyts trije ûre it lot bislist oer
in opsteld plan fen jierren en tûzenen fen minsken, tocht ’r bitter en
sprong op ’t hynsder, om de foarstap wer to habben. It folk skikte him
swijgsum om him hinne. En sa gyng de droeve stoet dy nachts wer op hûs
ta.—

Midden yn ’e nacht waerde âlde fen Rhé opkloppe. „Ho is ’t gien?”
gnyske ’r.

„Goed,” andere de boadskipper. „’t Kenon hat rûmte makke, moast ik mar
sizze en sa ’n lyts hûndert man sitte yn ’e Dockumer tsjerke op ’t
fonnis to wachtsjen.

„En Ripperda?” De eagen fen fen Rhé fonkelen. Fensels hy earst oppakt!
Hie ’r gjin oarders jown, desnoads allegear rinne litte, mar him
allinne der útkippe!

„Dy.... is ûntkaem,.... leau ’k,” stammere de boadskipper. Hwet seach
dy âld man forskûrrend!

Do flokte fen Rhé sa alderfreeslikst, det de boadskipper sloech in
krús. Wie ’t net altyd sa, det ’r him as in iel ûnder de hânnen
weislûpte?

En mei noch in swierder flokwird der oerhinne winske ’r Ryklef Ripperda
noch ris ienris yn syn libben tichteby, selst foar de poarte fen ’e
dea, om bloedich ôfrekken to hâlden, biswarde hy himsels. De
boadskipper roan de grize oer de grauwe.... hy slûpte foart. Hy hie ’t
net op dizze âld man stean.... hy seach sa foksige gemien en in dofke
scoe der dochs ek wol net opsitte.—

In pear dagen leter siet Archibald Porter foar ’t finster út to sjen.
It joune al.... it greate úthangboerd fen ’e „Spuitende Wallefis” syn
lêzen wie hast net mear to ûntsiferjen en yn ’e haven bigoanen de
ljochtsjes fen ’e skippen de iene nei de oare to pinkeagjen kreklyk as
lytse stjerkes. Hy mocht der graech nei sjen.... en hy diich in nije
smaeklike hael oan ’e lange piip. Al dy skippen, al det fortier, wie ’t
gjin eachweiding?

Ynienen gyng ’r oerein en seach nau ta, hwet der yn ’e fierte foarby
foer.

In moai kant skipke wie ’t, in flugge sylder, mei in snikwyt seil en
heech yn ’e mest in greate lantearne en efter by ’t roer noch ien....

Steatlik sylde it foarby.... langsum en wis. It hie de wyn mei, dy wie
Eastelik....

Sa gyng de balling yetteris foart. Nou foargoed. Tsjin wille en tank
moast ’r de bânnen losmeitsje, hwer hy mei oan dit lân biknotte wie. It
koste triennen.... it diich it herte searder as alles, hwet der
foarhinne yn syn libben west hie.

Stadich waerde dit syn lân oan ’e einder wei. Noch in toer.... in pear
havenljochten, in driûwkeljende beaken yn sé, in pear séfûgels, dy
meifleagen....

En optlêst, det ek net mear.... Wie dit alles net as in ôfskie fen in
ljeave deade, dy min nea wer sjen scil?—




XI.


Twa dagen hie ’t oan ien stik wei reind, det it spielde, nou kleare
tsjin de joun de loft noch op in ’t Westen.... hiel djip oan ’e fiere
einder, oer onbikende doarpkes hinne, oer feale, wasemjende greiden,
oer in beambosk, stiif en swart tsjin ’e skitterjende, goudkleurige
eftergroun fen sinnejoun. Der foelen noch in pear neikommende
reindrippen, in snjitsje waeide stouwerich oer ’t fjild, do wie it
foargoed droech.

In lytse fiere wyn forhefte him.... oer ’e Presterkamp hinne kaem ’r en
de wolkens slierken nou de loft lâns yn lange, wylde jachten, tsjustere
geesten, krimp jaend, nou ’t suver ljocht en wrâlds frisse amme oan ’e
winnende hân binne.

Hjir en der spjalte de loft al, lake it blau tear en rein. Der kaem
ynienen hwet simmereftigs oer ’t gea.... wie ’t fen ’e wyn, de kâlde
wiete groun aeikjend mei maitiidssoelens, s’as in lytse waerme hân ’t
in forware kâld antlit dwaen kin? Wie ’t fen ’e wite wyfkes, klûmsk op
in tropke yn ’e lijte fen ’e sleatswâl, dy-t de iene nei d’oare de
reindrippen fen ’e kopkes skodden en nou yn ’t felle read fen ’e joun
namsto witer liken? Wie ’t fen in treurwylch, hwaens gouden
bloiselfranje djip yn it swarte sleatswetter delhinge? Wie ’t fen in
flecht protters, dy-t hjar deljoegen op syn giele tokken en nou sêft in
jounliet kwélen.... in giele tokke fol glânzige swarte fûgels tsjin ’t
heldere blau? De heimsinnige tsjoen fen ’e maitiid wie oeral, dizze
stille joun yn it frjemde wikende ljocht, hwaens opaelkleur selst al
tsjoenskimer wie.

Mar och! it wie noch mar Selle, de 18e fen Febrewaris skreau min en ho
’n reinruters scoene de loft noch lâns jeije moatte, eart de sinne ris
in skoft oanien yn keninklike pracht it biwâld fiere koe! Ho faken
scoene de âlde beammen noch swypkje moatte, eart de tokken hjar swiete
simmersang bigoanen to rûzjen, fol yn ’t bled en mei bloisels
bifrissele?

Ja, it scoe noch tiiden dûrje en doch..,. optheden lei ek selst de
hiele âld sted foar foarfreugde ryp as in minskeherte fen achttsjin
jier foar ljeafdedreamen yn ljeave eangstme en biidzjende hope. In
onútspreklik forlangst siddere yn alles, hwet der nou sykhelle.... nei
Sudewyn, nei lange waerme simmerdagen, nei forfulling, hwer selst it
ûnthjit noch mar knopjende wie. En doch....

Sokke jounen binne wol de moaijsten fen it jier. It is den alles noch
sa tear.... noch alles forhoping.... noch alles sa, as in minskeherte
it it ljeafste sjen wol. It is noch de wrâld fen syn fantasij.... hy
sjocht it kommende jier as in dichter.... As ’t Septimber is, dicht ’r
net mear.... as ’t moast wêze in satire.

Mar sokke teare jounen, oan ’e kym det lette ljocht, oan ’e loft wer
det earste frisse blau, sont de hjerst mist, de earste blom boppe de
groun en de earste ljip syn kroantúfke yn ’e finne.... den moit it him,
oer ’e sechstich to wêzen en bigjint ’r to rekkenjen, ho faken ’r de
maitiid noch sá kommen sjen scil mei syn timpere jubel en syn
forhoalene libbenswille. It kin noch tsjien kear wêze en noch ien
kear.... en ien amerij giet der in pynkrimping troch it herte.... It is
de tins om it bisit, hwer it gemis op folgje scil.... it is it leed fen
alle wrâlden en alle minsken oer alle ieuwen hinne.

Falentijn stie yn ’t tún fen syn nij hûs. De beamsnoeijer hie al
dwaende west, hjir en der siet al in blomknop oan in parrebeam. „En de
iene appelbeam stiet der al sa fleurich foar.... dy koe ek wol ris
drage wolle,” sei âlde Geart en skikte om ’e rjuchte paden de poltsjes
sipelgêrs en minniste nettichheit. In protter hipte by him om, wie sa
njúd, det hy helle him de wjirms hast ûnder hânnen wei.

En Falentijn kuiere syn hearlikheit ris yn ’t roun, al de rjuchte paden
lâns en wer lâns, om de sinnewizer hinne yn ’t roundel, lyk foar ’t hûs
en do stadich nei de fierste hoeke ta by de stedsgreft. Der scoe ’t
grientetúntsje komme, de eigen radyskes en túnkjers en der wie de
hinneloop al, in team wytweiten hinnen en der in pauwige snikwite
hoanne by mei in kaem, dy slingere him op ’e kop. Hja sieten nou yn in
hoeke fen ’e loop en pikten tier hwet yn ’t núndergûd om. Hy struide
der noch hwet iten del, mar hja taelden der net mear nei. Ien stapte
nei de matte.... de hinnenacht bigoan.

Mar oer it fjild bleau it noch lang dei, rodsich en soelich. It wetter
fen ’e stedsgreft donkere al twisken de hege wâlskanten, de Potmarge
blonk noch witich yn it lege lân derjinsen. Hiel fier foart stiek immen
de lôge yn in rys ef in striebultsje.... in húske stie as in swart
etsprintsje sá skerp tsjin dy reade lôge.

Falentijn bleau stean en seach der stoarjende nei. Dit gesicht oer it
fiere, flakke lân wie him ljeaf, hy hâldde fen fierte, wiidte en
frijheit. Kaem det, omt syn foarsaten sa lang as earme Réfugiés
omswerve moatten hiene, sa lang bankje moasten yn stegen en binypte
wenten?

Derom koft ’r dit kâld sté, sa fier oan ’e bûtekant fen ’e sted as ’t
mar koe, mei neat oars as de brede stedsgreft ta skieding twisken syn
gerjuchtigheit en it frije fjild, hwer hy de wiksel fen ’e jiergetiiden
sjen koe yn ’t stadige foarbygean nei midwinter, as de ierde rêst.

En hjir fendinne wei bilôke ’r nou de maitiid en fen dy maitiid syn
earste moaije joun. It sjen fen dy loft, fen de drift fen dy
goudbirânne wolkens, it iensume skip syn wyt seil yn ’e donkerjende
joun, in pear wylgenmoezen by in âld daem, in stik ef hwet skiep, dy
hjar skeukten tsjin ’e walfiskbonke yn ’e Presterkamp, allegear wie ’t
him eachweiding en geniet, sa ’s ’r syn gelikens net faek kend hie yn
syn beuzich libben, as ’t moast wêze simmers in set, as se wierne to
fiskjen nei Langwar ta en omdoarmen yn ’t fjild moarns ier en jouns
let.

Syn hazzenútbeamke yn ’e hoeke by de greft bloeide, hy tepte ’r
foarsichtich in tokje ôf en roek ’r nei. It roek as de iere foarsimmer
sels.... koel en fris en o sa jong.... Twisken de lippen kaem hy ’r mei
thús.

Breed en foars ûntfong syn nij hûs him. Hjir wierne nou de brede gongen
en de greate finsters, it seal mei goudlearen bihang en de ikenhouten
trap, hwaens útsnien hekwirk him in ekstra ekstra dofke koste hie. It
wie allegear prachtich, in hearehûs, út in rûmme bûs bouwd en Pronica
en de bern wakker nei ’t sin. Mar hy miste ’r syn âlde geur fen wolle
en lekken. Der wie hy by great waen en.... ryk. Hjir wie alles sa nij
en och.... sa frjemd. De skiednis fen dit syn hûs moast noch makke
wirde en sims.... o elts minske hat ommers syn swakke mominten! den
waerde hy sa onwennich nei ’t âld hûs op ’e Nijested, det hy bitocht
mar in boadskip en kuiere derhinne, einliks hwette skytskoarjend, hwent
hwet moast in oar wol net tinke! En as ’r der wie....! krekt as hie ’r
jierren op in woelige sé omswalke en kaem nou earst wer thús yn in
stille, feilige haven.

Pronica siet der wol net mear yn ’t sydkeammerke by ’t gleon
turffjurke, mar nou wie ’t André syn wiif, de lytse bloune Sibylla de
Carpentier, hwer hy in kopkefol lekkere kofje fen krige en der in
drabbelkoek by, mar de ongedurigheit bleau him yn ’e skonken
omrideljen, al gyng ’r ek nei de weverij en kleau wer by de âld trap op
nei de souder ta.... hy miste hwet.... it wie net mear s’as eren. En
sims koe ’r sa onwennich det wirde nei det âlde libben, krekt sa
onwennich as syn âld kat, dy-t forline hjerst twaris by nacht de hiele
sted trochkrúst wie fen ’t nije hûs nei ’t âlde ta en der de moarne
prinshearlik wer yn ’t finsterbank siet to spinnen en tsjin de mosken
to gnizen.—

En dochs hie hy it bislút naem, om fen det beuzige, rike libben to
skieden, makliker en gauwer as ’r sels tocht hie. Pronica fitere him
oan en Bet! o dy greatskens fen det lytse kriel, dy hinnepiken, mar
krekt út de dop en kraeije! kraeije! Bet spegele him alles sa moai
tofoaren fen ris alhiel frij to wêzen en moarns it bolwirk ek ris
omkuijerje to kinnen en to gean to fiskjen! as ’t biterswaer wie en
noait mear thúsbliûwe to hoegen om ’t folk yn ’e weverij! En Jehannes!
ja Jehannes! dy rette it heit wol net oan.... mar ek net ôf. En hy
sels? och de droktme fen ’e weverij waerde him somtiiden wol ris
stoefernôch en den dy greate lekkenhânnel! it ôffarren fen ’e skippen
mei swiere ladings yn! it boekhâlden, it bistjûren! Sims forbylde ’r
him, hy waerde forjitlik en roan mei ’t skriûwboekje fen efteren nei
foaren, aloan en alwei en sims diich ’r dryst en tochte.... it rôlle
wol. Den blykte ’r himsels to heech set to habben en forgeat yndied
dingen fen bilang.

Do op in goede dei yn ’e lette hjerst kaem jonge Andersen wer
oansetten. Sa nou en den diich ’r in raem, sims twa kear yn ’t jier.
Altyd de forlieder, dy-t it op de swakke siel forsjoen hat. En nou trof
’r dy net mear sa wis, sa fêst yn ’e skoen steand, oan. Wie aerdich
nueter waen, harke nou tominsen ris nei it gefloit fen ’e floiter. En
dy syn gefloit wie wakkere swiet en fluensk en syn bod oannimlik, seine
Jehannes en André allebeide op de joun fen ’e femyljeforgearringe, dy-t
hy bilein hie, om ris mei-inoar to praten en André noch ris to hifkjen,
as hy gjin sin oan ’e hiele saek hie. Hy makke gjin gading, hie al sêd
genôch oan ’e wolspinnerij allinne. Pronica woe ’r hjar net fierder mei
bimoije, sei se en Diûke en Bet likemin, mar Mulier, in aristocraet en
fen âld regintegeslacht, foun ’t wol mear oerienkomstich skoanheit syn
stân, om nou to rintenierjen, tocht him.

Hja hiene yn ’e peikeamer sitten, de piipen gleon oan. Hy roek noch de
geur fen ’e sealjemôlke, neist Pronica op ’e koal. Fiif kjersen op de
greate nutebeamhouten tafel, oars in sellich healtsjuster yn ’t greate
fortrek. Hy wist, sá scoe hy nou dy âld keamer syn libben lang sjen! it
bytsje ienfâldich húsrie, syn bern, it nije geslacht om ’e tafel en
Proan! ja ommers Proan! der yn al de gloarje fen hjar ripe, blanke
moaijens by yn hjar appelblossompakje mei de swarte fewieltsjes. O hy
scoe alles wol útteikenje kinne, det scoe ’r!

Andersen kaem en lang om let rekken se ta in akkoard. Jehannes snie in
nije pinne ré en mei dy pinne skraeu ’r stadich syn fonnis en droech
syn great affearen oer oan ’e nij-ynkomling en it âld hûs en ’e lytste
hânnel oan syn jongste soan.

Maeije wie ’t waen, eart hy der út gyng en André en ’t jong wyfke
deryn. Hja hâldden de âlde, ljeave meubelstikken en hy wie der bliid
om. Stadich wie syn nij hûs klear kaem, de mûrren fen ’e alderbêste
Fryske stien, de sniene foegen fen ’e alderbêste kalk, alles rjucht en
stiif nei de aldernijste moade, in sarken parredis mei seis opstappen
foar de foardoar en heech boppe by de listgoate in kroanlist mei
toskewirk. En hiel Ljouwert roan der Sneins foarby to bisjen....
„bigryp ris oan, sinneblinen foar de finsters en in foardoar út ien
stik!” biwiisden de minsken inoar it wûnderbaerlike moaijs.

Hy hie al ris sûr sjoen, it naem gâns mear, as syn birekken west hie,
ja al in tredde mear! Hy hâldde net fen krinterigheit, mar húsbouwe!
húsbouwe! hy bikende it himsels fol skamte, for ’t earst yn syn libben
hie hy him forrekkene!

Do moasten der noch nije ditten en detten yn, stoellen mei koper ynlei
en tripene sittings en in canapé en in greate tafel mei in bled út ien
stik, hwer min yen wol yn spegelje koe en in kroan for fyftich kjersen.

En nou! de timmerman hie sines en de farwer en de stienhouwer, de nije
skoarstien rikke en Proan en Bet formakken hjar ta de teannen út mei al
det nijs en saenden noch maenden om neat mear. Hja wisten, syn bûs wie
den ek sa plat as in skol.

Dit alles liet ’r noch ris yn him omgean, wylt ’r troch ’t tún kuiere
en bywilen de geur ris opsnúfde fen it jonge, útrinnende hout, fol
jonge libbenskreft, mar noch bisletten yn syn hulen.

De lûden fen ’e dei waerden swakker en swakker, it „hallo” fen ’e
skippers foar de poartbrêge klonk mar inkeld mear, de snûrjende wiele
fen ’e lynbaen stie.... der wie ek gjin geboart mear fen bern op ’e
bûrren en gjin hoarnse weintsjes mei plesiergasten rieden mear ta de
poarte út, op hûs yn, hwa wit ho fier noch foart yn ’e oandonkerjende
fierte.

Stadich bjiske ’r optlêst nei hûs. Hy wie noch net oan ’e doar ta, do
seach ’r Jehannes oankommen mei syn flugge stap, rjucht troch de gong
op him yn. De freugde! ja de kroan fen syn âlderdom! Ho seine de Heare
him yn syn bern!

„Kom mei yn ’e bibliotheek,” sei ’r sunich en diich de doar op, „de
frouljue sitte boppe en hwetstû to sizzen hast, past frouljuesearen
kwalik.” Lyts fen stap roan hy foar Jehannes út nei ’t hege, ljochte
fortrek fol mei boeken en greate muntekasten, de mûrren opsierd mei
skildere bihang en as skoarstienstik in skilderij fen ’t âld hûs to
Langwar oan ’t wiide wetter....

„Hast minne tatiding? Dû bist suver út ’e liken,” miende Falentijn en
seach nei syn soan. „Hjir, nim dit op,” en hy hâldde him in glês wyn
foar.

Moi hastich skouwde Jehannes it fen him ôf. „It walget my.... it walget
my allegear optheden. Myn hert is yn opstân, heit.”

„Ja jonge,” suchte Falentijn,.... „hwet der bard is by Dockum, leit my
ek swier yn ’t moed.” Hy woe net freegje, mar o syn hert siddere fen
eangst en freze, hwet ’r sa foartdaedlik krije scoe to hearren. Hy
trêdde de keamer ris op en del, twaris.... trijeris....

„Heit,” sei Jehannes, „kom hjir ris, det nimmen ús heart.... It is al
bard....”

„Ho let?”

„Fen middei om trije ûre op ’t Blokhúsplein.”

„Wiest der by?”

„Ik wie der en bin der by bleauwn, krekt sa lang, as alles foarby
wie.... Op heite bistel en kosten wegere de beul fen Gorkum „fenwegen
syn hege jierren” dizze executie op him to nimmen. Wy hopen, nimmen
oars scoe him oanbiede....”

„Nou?” sei Falentijn bidrukt.

„Do is der ien fen ’e feinten kaem en hat him de holle ôfslein.”

Falentijn bigoan stilwei to skriemen. Jehannes skikte hwet tichterby en
krige him by de hân.... „Dy earme jonge stimper....” hearde ’r him sêft
nokkerjen.

It bleau in hiel set stil yn ’e stille keamer, de tik fen ’e steande
klok krige suver hwet minskeliks, sa gyng de tiid stadich syn biwende
gong, mar de tiid fen Jan Binnes, syn jonge, oermoedige, noch folryp
steande tiid as in jonge risping op in lân.... dy wie foarby.... for
altyd foarby.... tocht Falentijn.

„Sei ’r ek noch hwet? Wiest derby, jonge? Net sa fierôf, detst it
hearre koest?”

„Ja,” sei Jehannes bidaerd. „Ik stie der deun by en hy sei ditte, heit:
Heare, ontferm Jou oer my en do.... ien slach.”

„En?!” Falentijn doarst syn soan net oansjen. As ’r syn triennen seach,
scoe hy neat mear fortelle wolle.

„Heit moat der him net tofolle ynjaen. For eltse goede saek falle der
offers.... en hwa-t der ta útkipt wirde scil, leit net yn minskehânnen.
It is sa biskikt oer Jan Binnes, it wie syn wei....”

„Ja,” suchte Falentijn, mar syn eagen waerden wer helder. It flues fen
triennen loek der foar wei. Hy wie wer op de bikende feilige wei, ja yn
libben en stjerren bikend en feilich.

„It lyk komt net nei ’t Galgefjild om der to forkommen yn waer en wyn,
ik ha ’t de beul ôfkoft for myn snijkeamer ûnder de Nije Toer en de
holle derby.... Mar det spande.... Dy ha se earst to pronk....”

„O!” suchte Falentijn, „hwet in martling, Jehannes.”

„Scil ’k my stilhâlde?” frege dy.

„Né, ik wol alles witte,” sei Falentijn foarser as oars.

„To pronk op ’e Brol folgens oarder fen âlde fen Rhé en der is neat oan
to dwaen. Ik stie der op oan, let yn ’e joun alles to habben.... sa ’n
soun, jong minske, krekt hwet for my en sa brocht ik de beul op in
dwylspoar en ik treau him fiif goudgounen ta en yn ’e foarnacht bringe
se him my....”

„En den?” Falentijn syn lûd waerde ho langer ho bidester.

„Yn ’e neinacht bringt Haeije Trompetter him mei in pear man yn ’e
pream nei Aldwâld ta op it hôf. Hy krijt in earbere bigraffenisse
dêrre, heit. Al de Oranjeljue stiene der my boarch for.”

Falentijn ridele op ’e stoel hinne en wer, sa bistoarmen him de neare
tinsen. Aloan en alwei efter de skermen dy fen Rhé, oeral, oeral.... Hy
like wol de kweageest fen hiele Ljouwert to wêzen.

„En Ryklef,” sei ’r nei in set. „Hast derfen heard? André sei, dy is
nou foargoed foartein. Hy scil wol noait weromkomme, nou syn ljeafste
forhoping sa fordiggele is yn grús.”

En Falentijn tocht om âlde Ripperda der yn it greate iensume hûs en
sette der syn eigen rykdom tsjinoer, alle bern om him hinne yn ien en
diselde sted, goed yn eare en oansjen.... Pronica hjar bywêzen, de
kostlikheit fen hjar bisit bisefte ’r optheden wer namstomear, as ’r op
in oar syn gemis seach en hy ûnthjitte himsels, Ripperda yntkoart ris
op to siikjen.

„Dû moatst der mar neat fen sizze by ’t jouniten. ’t Is better, mem en
Bet hearre der neat fen.”

Jehannes nikte, syn skerpe dokterseagen mirken wol, heit pakte ’r noch
raer mei om en dochs hie hy ’t sa maklik mooglik foarsteld, selst mar
by binadering, ho-t it west hie. Och hy en de dead wierne selskippers,
hy seach him sims alle dei wol yn ’e kâlde, wrede eagen en waerde ’r
net oars mear fen.... mar sims, o yn syn doktersherte wie ek in tear
steed en as det rekke waerd, den fielde ’r as minske en diich it ek
sear.... ja tige sear....

Do-t se by de frouljue kamen, founen se der Mulier yn in
loaikerts-stoeltsje by de hird, de wite meagere hânnen boppe de lôge,
de fine holle dûknekkich wei yn ’e jaskraech. Falentijn krige in skrik,
scoe der swierrichheit wêze?

„Dochs allegear goed thús?” frege ’r moi ongerêst. ’t Moast wol goed
wêze, tomiddei hie ’r lytse Proan noch hoepjeijen sjoen op de Wirdumer
Dyk en Diûke wie him foarby riden yn ’e karosse nei de iene ef d’oare
ta to thédrinken.

„Alles goed en de groetenis,” andere Mulier. „Pronica sliept al en
Diûke is noch net thús. ’t Wie sa stil yn ’e hûs, ik tochte, ik moast
hjir mar hinne om in brochje.”

„Kinst krije,” sei Pronica hertlik en gol en gyng oerein, om alles
klear to setten foar ’t jounmiel.

„Kom, wy giene mar wer efkes nei de bibliotheek, om in pypfol to
smoken,” sei Falentijn en joech de oaren de wink.

„’t Jildt ús oars wol ’t aldermeast, hwet der bipraet wirde scil, tink
’k,” kaem Bet ynienen snibbich út ’e hoeke. „En ik stan der op, det mei
oan to hearren.” ’t Sin stie min, heit bispeurde it oan ’t heazige fen
’t lûd.

„Bet hat gelyk,” sei Mulier en kaem werom. „Nou den, ik wie langlêsten
yn Amsterdam en hearde nuvere praetsjes fen Andersen. En ik acht it myn
plicht, myn skoanâlden en Bet yn ’t bisûnder dy to fortellen, omt der
fen gnute wirdt, it scil twisken jimm’ beiden op in boask oangean.”

„’t Is dyn affearen ommers ek, om in oar min to meitsjen,” húnde Bet,
alhiel oerémis.

„Hui! hui!” sei mem, „hwet bistû koart, Bet!”

„Andersen is in minhear en derom kinn’ jimm’ him net útstean. Hy hat
nou ienkear oar praet en sjocht de wrâld oars as jimm’ en hat oare
ljeafhabberijen....” Bet gûlde der hast om.

„Ja wol dy”, sei Mulier smoutwei en hie syn eachweiding oan Bet, nou yn
hjar lilkens mei dy skitterjende eagen en it bloske op ’e bleke wangen,
tsjienris moaijer as ornaris.

„Hwet seine de minsken?” pinfiske Falentijn stadich. ’t Scoe allegear
ek wol wer mâl wêze, ’t wie hjoed dochs al sa ’n freeslike dei, dit
scoe de doar wol ta dwaen.

„Och, ’t scoe hjir de lêste útsetter wol wêze, de Andersen’s leine oan
’e sintinzje. De saken fierst to heech ynset en den Oranje tagedien....
det is al in heal deafonnis. En den.... hy is gâns troch de wyn gien
dêrre yn Amsterdam.... Jan bidoel ik fensels.”

Falentijn nikte flau.... ho ’n wjeraks hie ’r de earste kear net yn him
krige, as in moadegek yn ’t habyt en den det eigenwize, greatske wezen
derby. Nou nessele hy him hjir yn Ljouwert en wie aloan drok dwaende,
him Bet to ûntfytmanjen. En hy wist wol, Bet wie ien fen dy soarte, as
se hjar sin op eat sette, den stjerre se ljeaver as krimp jaen.... It
roan ek allegear sa hiel oars, as se tocht hiene.... Ripperda foart....
o sa ’n goed partuer! en mear fen dy Oranjemannen, allegear fen Bette
jierren. Hwet oerbleau, wierne Frânsken ef hâlden it der mei en as
sadanich by Falentijn’s forspuid. En ’t hertke siet hjar heech, hja woe
ljeafst like goed oankomme as Diûke, dy-t it yn ’e kant sette tsjin
jonge mefrou fen Rhé. En Andersen mei syn hearichheit, syn yndeftige
klaeijing, syn ûnderhâldend praet oer reizen en bilibbe grappen, syn
slach om mei frouljue om to gean en fen al hjar lytse grillen en
stumerijkes bihoarlik notysje to nimmen.... och hy hie hjar lyts, dom
hertke al lang bilêzen.

It krêke dy joune raer yn ’t hûs fen Falentijn, mar Bet focht for hjar
ljeafde as in lyts terge liûwke en stie op hjar stik. Dizze en gjin
oaren, der kaem ’t altyd wer op del. Heit en mem en Mulier warden hjar
oars danich, om hjar noch ta oar ynsicht to bringen.... Jehannes liet
hjar betien en sei, sokke dingen wierne fierst to tear, om der yn om to
rearen. Falentijn siet lyts en stil by de tafel, hwet in rare joun,
hwet in argewaesje!

Mar ’t wie allegear fen dy gefolgen, det de 23e fen Maertemoanne stiene
se al ûnder de geboadens, waerden hjar nammen ôflêzen fen ’e preekstoel
yn ’e Galileister tsjerke en Falentijn en Pronica hearden it en
Jehannes, de djipearnstige eagen ien amerij in ljochtfonkje
fleurichheit en Ripperda, stil en âld yn syn hokje, deun efter it
fjouwerkant en Doedte Ripperda, tear bloun famke op ien fen ’e
frouljuestoellen.... fier fen him ôf en dochs.... him o sa nei, al
doarst ’r syn fieling noch net yn wirden uterje, fierst to bang, de
hearlikheit, fen hwet allinne noch mar knop wie, moaije knop mei ’t
hiele swiete geheim yn him fen ’e kostlike ljeafdeblom, oan to trunen
ta foarlike bloei, ta neat nut....

En derom swijde ’r noch, al siddere der somtiiden ynhâldene jubel yn
syn siel. Den krige ’r de fioele en gyng sitten to spyljen.... O dy
amerijen fen lok.... as ’r syn iensume siel gean litte koe as in
siikjende pilgrim út de woestenije fen syn eigen bislettenheit wei en
de moaije wrâld ynstjûre nei syn ljeafste! Sinneskyn! wille! Ho moai
sjocht ’r den it libben! ho brûzet syn jong, soun bloed! mei ho ’n
kreft makket hy him sterk yen alle leed!

En lytse bloune Doedte is by him.... de millodijen lokje hjar, hwer se
ek is, moat se om him tinke, fielt fen wûndere nije fielings hjar
hertke tinen.... Krekt as sjocht se de wrâld nou oars.... nijer en
ljeafliker.... Wie ’t om ’e âld stins wol ea sá moai? roeken de earste
griene spruten wol ea sá krûderich, bloeiden de titelroazen ea sa ryk?
en de ljurk, ho kaem ’t, det ’r nou krekt safolste moaijer song?

Jehannes syn tinsen dwaelden ôf yn tsjerke. Hy seach net nei hjar, mar
fielde hjar bywêzen yn siel en sinnen. Song mei, liet syn lûd bliid
driûwe op de cadans fen ’e noaten, sims oanbôzjend út ’e fierte, den
weistjerrend yn ien inkelde noat fen in lang oanhâlden neispel.

Hy geniet sa echt syn ûre, det it is him, as sit hy hjir as de
breugeman en net dy Andersen, liipe bilêzer fen swakke Bet hjar
hertke.... Syn ljeafde is fen in oar soarte en hy wit, as Doedte syn
wiif net wirdt, den bliûwt hy iensum.

Do-t se út tsjerke kamen, fleagen de snieflokken en wie alles noch ris
wer wyt. In spitse wyn gûlde út it Noard-Westen, de strietten wierne
wiet en gled. Hy sloech syn mantel tichter om him hinne en sette ’r de
stap ûnder nei ’t nije hûs, hwer joun in great gearset wêze scoe en
hwer ’r Doedte wersjen scoe! Eltse minút, eltse ûre in seine troch hjar
bywêzen!

De tiid kroep.—De middeis roan ’r tsjin de finnige wyn yn nei Lekkum
ta, om nei in siike to sjen, in jongfamke as Doedte, nou al sont wiken
as in stik lead op bêd en bisocht mei senuwsinkingskoartsen. Do-t hy se
mar seach, wist ’r, de syktme hie in skieding naem nei de goede kant.
Syn middels waerden seine, it libben, it soune jonge libben forhefte
him yn it siike lichem en wraksele yn stryd mei de dea om de sege....
en woan it. En allinne syn ljeaf lûd, de kniep fen syn sterke, sa
treastbringende hânnen, syn bitrouwen op betterskip stibelearen de
siike sokke tiiden sa oerweldich, det se it hast wol sûnder medicinen
redde koe. In hiel set bleau hy der by dy ienfâldige minsken yn hjar
lyts húske op ’e terp, hwer net ien stikje fen weelde yn to bikennen
wie. „Saundersum om ’e tafel en det fen in deihier.... it bitsjutte
hwet”, sei de mem, lyts, âldsk wyfke hiel bidrukt by ’t foartgean.

Hy nikte stilwei en gyng syn wegen, mar yn ’t thépantsje founen se twa
grouwe, gleone dukaten.... „For my.... for aeijen”, hime de blide siike
fen ’t bêd. En hja sei him sêft de wirden noch ris nei: dû wirdst nou
better, fanke.... wy binn’ ’t hoekje toboppe. As ’t simmer is, swilest
wer mei yn ’t moaije waer. Hja lei der nou stil hinne.... hja roek
suver de geur fen det nije hea al.

Jehannes Falentijn gyng wer op ’e sted oan, foar de wyn ôf. It snijen
hâldde op, in tin laechje lei donsfearrich op it hirdfêrzen lân. Hjir
en der yn ’e lijte like it gêrs al grienich en maitiidseftich, al lei
der noch gjin erf op it lân. Soelte moast der komme, Sudewyn en sêfte
rein, dy-t sa stil delfalt as roazebledden, loslitten fen in geurige
kroan....

By in sleatswâl bloeide in âld wylgenmoes. De sinne skynde op ’e
goudene hierkes fen ’e katsjes.... hja tsjirmen om yn dizze kjeld, sa
fen onpas by ’t lingen fen ’e dagen. Mar dochs.... hâlden se net in
boadskip fen ’e maitiid yn? Net fen it wûnder, hwer stadich de
wirklikheit út groeit?

Hy bigoan ynienen sa ’n langst to krijen nei hûs, det hy sette de stap
der ûnder. Namsto dierberder wie him nou dizze syn âld sted, nou hy
hjar der nei hjar útfenhûzjen wer yn wiste. Yn ien hûs fen ’e hûnderten
klonken ommers hjar foetstapkes.... Licht seach se nou ek wol nei de
wytbisnijde bolwirksbeammen ef harke nei it lûde praet fen ’e ljue op
’e gledde strietten, hwer de dryste âld roeken permantich wei op
omstapten. Speurende wei seach ’r alles, hwet jong en bloun wie, tomûk
ris ûnder de greate kypsen op. Koe ’t Doedte wêze? Mar geandefoet? Gjin
tinken oan! Alde Ripperda hâldde se for pop, it draechstoeltsje kaem ef
de karosse en mar ienris op in moarntiid hie hy se kuierjen sjoen op ’e
Bierkelders, in lyts nuffich parresoltsje op en in wyt kedoeske oan ’t
tou. Fensels op oardelfoet distânzje Minne Pjirkes, sa izegrinich, det
hy hie ’t net weagje doarst en sprekke hjar oan. Det wie nou al hast
wer in jier lyn. Sims hie Bet meilijen mei him en fortelde, hwer hy se
middeis fine koe yn ’e thékoepel by in goekinder oan ’e Greftswâl ef
Efter de Hôven. En den trof it krekt sa tafallich, hy kaem der de
middeis ek. O! hwet wierne it feestdagen!

Stadichoan waerde dizze ljeafde him in earetsjinst, hwer hy al syn
moaijste, heechste tinsen oan wijde, de swiidlûdigste trilders fen syn
fioele oan opdroech en yn sêfte minne wei ûren yn oanbidding forsonken
fordreame. It noch net útspritsene wie fen sa ’n greate skiente, as ’r
miskien nea bilibje scoe as ’r de dingen ienris as syn eigen ta him
nimme mocht. Ho ’n bytsje lok is ommers tsjin forwirkeliking bistand?

De wite flokken bigoanen wer oer it lân to stouwen.... as wolkens jagen
se oer de lege lânnen op ’e smoute sted oan. Hiel wyt en blank stike de
Presterkamp boppe it swarte wetter fen ’e sleatten út, de fûrgen
streken as donkerder delten troch it ientônige wyt. Op ’e ein fen it
lange, smelle stik lân stiene hiel heimsinnich fiif wylgenmoezen op ien
trop as âlde reuzen, hjar stammen oan ’e wynkant snie-biklodde.—

Jehannes syn tinsen hjir by it knappende houtfjûr biroanen sêftsoalich
nou de hiele kommende libbenswei. En Doedte gyng mei him en.... lytse,
bloune bern. Hjir yn dizze âlde sted scoene se wenje, yn in hûs mei
greate, smûke keamers en flinke finsters, hwer min ljocht en sinne ta
’n yn skine litte koe en in greate tún scoe der by hearre, fol fen
rûkende, reade roazen en leeljeblommen. Sá scoe hjar libben stil en
fredich foarbygean, as in moaije wite wolken oan ’e loft—tocht ’r, wylt
’r yn stúdzje wei de wolkens neiseach, ho-t se kamen en gyngen folgens
ûnbikend bistel.

Efkes lichte it snijen, nou forhefte it him wer. Alles waerde wyt, in
suvere, goeddwaende stiltme sette elts hûs yn syn eigen iensumheit. De
ljochtskimer út ’e brede gong foel yn ’t wite tún, it fine skaed fen
hwet tokjes struwel leech op ’e groun teikene him skerp ôf tsjin ’t
blombêd, fol fen tulpenoaskes, grien en klûmsk ûnder ’t turfmot.

Hy wist net, ho-t hy it hie, it mocht him net tinke, ea sa ’n
Sneintojoun bilibbe to habben, sá yn harmony mei himsels en de wrâld.

Hy hearde skelgerinkel en it swiere lûd fen Minne Pjirkes by de doar en
efkes letter, o foarfreugde! it swiet giressel fen sidene rokjes, de
mesyk fen ’t getrippel fen hiel hege lytse hakjes. Op ’t selde stuit
stie ’r al yn ’e gong en seach se en bûgde syn holle oer hjar hantsje,
oer ’t lange en smelle fen Doedte Ripperda.

Alde Ripperda seach it en giisgobbe. It potuerde lang net min, dy
twa.... machtich sieten se der om ’e petylje yn ’e Bjirmen, hy scoe wol
wolle, as se allegear sa to plak komme koene as miskien dizze lytse
rakkert, syn hertlapke.

Der wierne noch mear noege en stadich kamen se oandripkjen yn wiide
waerme mantels en wollene sjaels om ’e holle for de kjeld, mar al roan
it hûs ek fol, for Jehannes Falentijn wie der mar ien en it foege him
sa wûnderbaerlik, det hja kamen neist inoar to sitten. De oaren wierne
meastal âldere, troude ljue en Andersen en Bet sa grien als gêrs, det
der wie ek neat oan en sa koene hja togearre it folle geniet ha fen
inoar’s bywêzen.

„As hy ek noch wol ris spile?” frege hja sêft en hy liet hjar, kreas út
in koker rôlle, moaije nije stikken sjen, dy-t hy út Dútsklân komme
litten hie.

Hja hie ’t spyljen noch net leard, andere hja op syn fraech, mar jouns
by heites songen se fjouwerstimmich en Regnerus, hjar broer, learde it
dwarsfloite-spyljen to Frentsjer, der hy stedint wie en yntkoart scoe
hja der ek hinne to útfenhûzjen by ien fen syn prefesters. Der krige hy
in skrik! Doedte nei det lichtsinnige Frentsjer, hwer it krioelde fen
dy jonge griene hipperts, it hier fol krol en it hert fol forljeafdens!
By tsjienen scoene se hjar foetfallen dwaen en nachts foar hjar finster
sjonge en dichten op hjar meitsje en de handigste en leidigste fen
allegearre scoe hjar ynpalmje. O hy seach it oankommen! en sei! it scoe
him krektlyk gean as Ryklef dodestiids mei syn gemael, hwer hy Anne
Hopperus troch kwytrekke.

Syn lûd klonk in bytsje onwis, do-t hy frege, honear as de reis oangean
scoe. Tongersdei gyng se mei pake wer nei hûs, sei se en Saterdei scoe
heit hjar nei Frentsjer bringe en jimmetieten se by prefester en mefrou
en den bleau hja der in setsje.

Nou wist ’r it, dizze fjouwer dagen waerden bislissend for syn hiele
libben. Hwet scoe ’r nou: it skreauwne, deftige en foarmlike brief to
baet nimme en hjar heit skriûwe ef scoe ’r hjarsels syn libbenslot
foarlizze, om it fen hjar hânnen forfoarmje to litten ta in greate
blydskip ef in ellindich lijen? It onbisoarge, hearlike geniet fen ’e
joun wie foart.... in ûnrêst krige fat op him, hwer hy him net tsjin
forsette koe.

It petear stûke.... stilwei sieten se yn it fjûr to sjen, ek in ivich
riedsel as hja selme fen hwer-wei? en hwer-hinne? en al fielden hja it
net, dochs wie de ljeafde dwaende, om hjar al tichter en tichter yn ’e
mesken fen hjar mearkeëftich net to biknoopjen. De ûren fleagen.... der
sloech de klok al njuggen ûre, noch in pear ûren en hy scoe syn lytse
skat foartgean sjen en ’t noch net útsizze kind ha, hwet hy tochte.

De feint kaem yn, stoelle it turffjûr wer op mei in pear bêste
boekeblokken. It wie it sein, om ris oerein to gean, de hearen stapten
nei de bibliotheek, om de nije munten en ’e nije boeken to keuren de
dames waerden boppe noege, om Bet hjar troujurk en útset to bisjen.
Doedte hâldde hjar mar by pake, hwet scoe se ek mei dy âldere dames? en
Bet? och, dy forgeat gled-wei, det der noch oare minsken yn ’e wrâld
wierne as Jan Andersen!

„Sjoch,” glimke âlde Falentijn, „is ditte net hwet for ús gast?” en hy
joech hjar in lytse goudene munt út syn samling, in goudene ducaton.

Yn ’e eagen fen Ripperda kaem in tige earnstige, hast swiermoedige
útdrukking. Hwet waerd’ dit, gekheit ef djippe, djippe earnst?

„’t Is om to hâlden, Doedte,” lei Falentijn út mei dy âlderwetske
ridderlikheit, dy-t sa goed hy him paste.

Hja draeide de munt om en om. „Der stiet lêzen op,” sei se en hja lies:

    Daer Ware Liefde woont,
    Daer is het Huis geheiligd.—

„O!” sei se en sloech de eagen foardel. Hja hie Jehannes sines moet en
der yn lêzen, hwet syn mûle yet altyd forswijde. Hja joech hjar hwet
toside ôf, in bloske op ’e wangkjes, bleu en forlegen en seach hiel
efkes nei de mânljue, mar pake en minhear Falentijn kúrden al wer mei
greate forgreatglêzen op hjar fynsten om en de oaren dy pypken ef
praetten en nimmen tochte om hjar.

Hja woe hjar nei de doar tajaen. „Doedte!” hearde se Jehannes. It klonk
fen o sa fierôf en dochs.... as kaem it as in wjerklank út hjar eigen,
hiel binaud en dochs ek wer hiel frjemd-bliid hertke. „Sjoch ris, hjir
binn’ noch trije sokken.... Hja binn’ nea brûkt yn jildomrindershânnen,
hja binn’ gloednij, dizze trije. It binn’ knottedoeksducaten.... Kom
ris efkes tichter by my,” en hy gyng hjar foar nei de fierste hoeke fen
’e bibliotheek ta, hwer in iensume kjers barnde en it fjûr syn
nochlike, rodsige wjerskyn joech.... „Noch tichter.... Sa....” Hja stie
nou deun neist him.... as ’r woe, koe ’r it bounzjen fen hjar
bang-bliid hertke hast hearre tsjin ’t nau siden spinserke oan.

„En wistû, hwet der by heart?” en wylt de trije goudene stikken yn ’t
holle fen syn hân leine to blinken, sei ’r hiel stadich, elts wird in
stikje hertefreugd en bitterswiete eangstme:

    „Wotte sa wotte,[1]
    Hjir hastû de knotte,
    Wott’ it net dwaen,
    Den moatst’ him my weromjaen.”

 [1] Dit knotterym is noch gâns âlder:

        Wolstû my hybje, den scil ik dy habje,
        Den scill’ wy togearre út ien skûtel slabje.
        Wott’ it net dwaen,
        Den moast him my werom jaen.

Doedte seach him oan en hy hjar.... yn hillige stiltme helle se de
trije ducaten fen syn triljende hân nei hjar ta en biknypte se stadich
yn hjar iiskâlde rjuchter.

Sá anderje ik, Jehannes,” sei se sêft. Al it berneftige wie yn ien
omsjoch fen hjar antlitke fordreauwn.... hja bisefte hokfoar rjuchten
en plichten dizze iene amerij hjar nou for it hiele libben oplei.

Falentijn, wol op syn openst, seach ris tomûk nei hjar en syn hert,
slingere twisken hope en freze yn, fielde as by ynjowing, ho-t syn soan
taeste nei syn ryp lok. O mocht der seine rêste op dit syn bisykjen! de
Heare hjar herte flije nei dit syn bigear en hja him tabrocht wirde as
in jonge, teare roas yn syn wachtsjend hôf!

Hy socht algedurich ris de eagen fen syn wiif, mar Pronica mirk neat,
dy wie sa alhiel mei de oaren wei yn in kleanpraetsje oer japonnen en
ruches en stroken en kypsen fol fearren, det hja hie gjin loaits oer
for him.

De spylklok yn ’e gong spile de folle ûre fen alven, do makken de
Ripperda’s rislewaesje. Hja hearden de skeltsjes al wer rinkeljen
foardoar yn ’e wite stille wrâld, Minne Pjirkes klos-klos by ’t
parradis op en ’t fallen fen ’e klopper op ’t swiere ikenhout fen ’e
doar.

En de oare moarne betiid al histe Jan syn âlde skonken op ’e loaie
brune fen ’e weverij. Falentijn joech him in goede braspenning mei for
ûnderweis en in folle knapsek. Sa rekke ’r woltomoet op reis, hwent
bang for bûsehifkers wie ’r net, hie ’r net in knyft, slipe as in flym,
by de broeksbân yn en Annemoi for in grou goune de kweade net
bispritsen, om him ôf to bliûwen op iensume wegen?

Yn in learen sekje, ticht oan syn hert, droech ’r syn boadskip, in
great brief for jonker Age Ripperda yn Seisbjirrem. Hy koe wol fen
bitinken ha, hwet der sahwet yn stean scoe, de dokter scoe wol syn
lytse dokteresse foun ha, tocht him. Hy hie ’t al lang bispeurd, hy wie
yn ’t frijen keard en as der fen de lytse frelle praet waerd, den harke
hy mei saun pear earen. En sok slach fen ljue, der hearde poeha by. Mei
syn Lys frijde hy der foartdaedlik mar op los, det it der oer klapte,
mar mieri! hjir bleau min op oardelfoets distânzje en ’t scoe wol al in
hiele ginst wêze ris in aeijke, ek op oardelfoets distânzje, jaen to
meijen!

It hynsder kloste sleaudrafkjend de hirdfêrzene wei lâns, nei ’t Westen
út. Noch wie de wrâld stil en wyt, mar de loft arbeide gâns yn ’t Suden
en ’e mosken sieten bliid to tsjilpen yn ’e keale beammen.

Tsjin ’e joun kaem ’r op de stins en diich syn boadskip en waerde do al
gaueftich nei de greateljues poeskoken laet, hwer it útroan op in
wûnderbaerlik plesierige joun, hwent hy, as in goed Ljouwter, spile ek
net swak by mei in mingelen bier foar him en in goed miel efter de
baeitsjeknopen.

Mar oan alle lofsangen komt ornaris ringen in ein en yn ’e neinacht,
do-t de moanne, dy-t al gâns forsiet, opkaem, joech ’r him wer op reis.
Hy krige in brief fen ’e jonker mei, it glimke, der det him mei oerjown
waerde, bifestige him wol yn it gelove, it waerde in goede tatynge for
de jonge dokter.

Ho oneinige lang like him nou de reis! by nacht en ontiid! Gjin minske
op in paed, allinne mirden en by de doarpen healforhongere hounen en
boppe yn in listgoate in earmoedzjende kat, de eagen twa greate gleone
roundellen, stiif op him delsjende. Hy riboske optlêst fen binaudens en
kjeld en ho seine hy de toerren fen Ljouwert, dy-t einliks yn ’e moarn,
griis en tsjuster tsjin it oanwinnende ljocht ôfstieken.

Jehannes hie gjin hael hawn thús op syn keamers, hy spoarde al ier en
betiid by heites om en iet der syn moarnsbrogge en mei ien ruk skûrde
’r it brief op, det Jan him oerjoech.

It wie mar koart, al wie syn ynhâld wichtich. Hy waerde útforsocht, om
Doedte Tongersdei mei werom to bringen en sels it andert to heljen.
Fierder neat.... it wie ek genôch.

Mei in optein sin roan ’r nei âlde Ripperda, dy-t al fen alles op ’e
hichte like to wêzen en bizich sei, hy scoe wol ljeafst mei Doedte
allinne prate wolle. En der kaem se al oan.... for earst seach ’r hjar
yn deise klean, yn in grienruten jurkje, it rokje hiel wiid en it
spinserke hiel nau, sa deaïenfâldich as in boargermans bern. En it moai
boskje hier net yn in toer heech op ’e holle fol skitterjende siersels
en plûmmen, mar flochten yn in lange frissel en sa om ’e holle woun. En
nou sá hie hy se op ’t alderljeafst, wie ’t net singulier?

Hy bleau fensels to iten, en hwet diich ’r ljeaver as det?! den hiene
se noch in hiele moaije middei togearre! en o gút.... hy helle in
roazeread siden doekje út ’e bûs, der in losse strûp yn siet. En der
bitearde hy de trije ducaten yn en do loek hja mei hjar sierlike, lange
fingers de strûp oan. „Dit ’s nou for altyd, myn Doedte,” sei ’r
earnstich.

Hja swijde. Mar der foel in trien op ’e roazereade side fen ’e
knottestrûp.

As Annemoi it sjoen hie, hie se in krús slein.—

En op in moaije dei yn Maeijemoanne, de wrâld yn ’e pronk fen hjar
earste blomknoppen, alle hôven wyt fen blomsnie en lûd fen fûgelliet,
de blauwe loft helder as in gril, de sinne fen gjin wolken skeind, do
barde it, det âlde Falentijn for de twadde kear al fen ’t jier de
goudene gaspen op ’e skoen naeije liet. Oars diich ’r it altyd mei de
sulveren, nou mei it trouwen fen ’e bern moasten de goudenen for ’t
ljocht en ’t wie krekt, as kaem yn ’e heechste pronk, de deftichheit
fen syn wezen, ék noch namstomear út.

Yn ’t seal by Ripperda’s, it seal, der ek ienkear de Oranjemannen dy
Sneine by inoar sitten hiene, hâldden se nou it gearset, fornaem en
stemmich, ek al mei om de lege plakken fen beppe en Ryklef-om, dy-t nou
as in swerfling yn Ingelân forkearde en hiel inkeld tynge stjûrde. As
hy der om tochte, den waerde Ripperda it moed fol, selst op dizze
freugdedei. O ho miste ’r optheden wer syn jonge twisken dizze
bloeijende, nije jeugd fen Ljouwert, ho sear diich it syn âld hert, him
misse to moatten!—

En nou gyngen Jehannes Falentijn en Doedte Ripperda togearre, sa ’s syn
forljeafde dreamen it him ienkear al foarsei hiene. Yn ’t tún bloeiden
fjûrreade roazen en mennichten fen wite leeljes tsjin ’t sket oan yn ’e
sinne en klip! klap! klapten de lytse sidene toffeltsjes fen Doedte it
mei estrikken floerre paedtsje lâns nei ’t simmerhúske ta, hielendal
ûnder in treurboek biskûle. En in lytse wite kedoes der blaffende
efteroan, in hiele greate fjûrreade strik oan ’e halsbân.

Sá echt, o sá echt noch de soarchleaze jeugd der dy simmers, dy moaije
simmer mei syn lange sinneskyndagen, hwer fen eltse dei wer in feest
for hjar allebeide wie.

Do-t de hjerstfleagen om ’t hûs gûlden, hâlden Doedte en kedoeske hjar
kûs by de hird, in lyts protsje gûd yn in greate briedstoel en dy
winters? Do foreare mefrou Falentijn hjar in greate pelysse fen
otterbûnt en der in lyts swart mûtske by for hjar bloun hier en as se
de sted yn woe, stie der in forgulden draechkoetske ré mei Jan, trouwe,
sterke en o sa soarchsume Jan en Minne Pjirkes as dragers.

It kopke ûnder ’t swart mûtske waerde al lytser en biklonkener, de
eagen al greater en greater en sims, o sims en ek mar hiel efkes!
siddere de sterke Jehannes Falentijn for de takomst, for it libben fen
syn teare, bloune skat....

Hiele skoften koene se stil neist inoar sitte, hja lynjend tsjin him
oan mei de holle tsjin syn skouder en hjar beide hantsjes yn syn waerme
rjuchter. Dy tiiden learden se it lok kennen, sa ’s it him mar
komselden fen minsken kenne lit.

En op in kâlde moarne yn April joech se him syn soan, in lytse bloune
jonge, in razer. It hiele hûs rekke yn ûnstjûr en hiele Ljouwert dielde
fen herten yn ’e blydskip fen syn doctor Falentijn, sels sa faek
boadskipper fen sokke goede dingen en nou der sels mei bitocht.

Mar Jehannes Falentijn siet mei de hân oan ’e holle. Hy hie syn moed
net. Bitterheit wie yn syn freugde, sa ’s de Psalmist seit....

Diselde joune moast Jan de reis wer ûndernimme nei de Bjirmen ta. Der
hoechde gjin brief mear hinne en der waerde ek net mear mei blydskip
nei ’t andert útsjoen. Alles hie ommers syn bislach krige en der yn ’e
widze lei de greatste seine, dy-t in minske mar barre meij.

De wegen wierne min to brûken—jonker Age Ripperda liet fjouwer hynsders
foar de wein slaen en jage, sa ’s hy noch noait jage hie. O hwet wie
det in reis yn dy ljochte, lije maitiidsnacht mei dy freeslike eangstme
ta driûwer!

It wie noch net to let, do-t ’r kaem om syn bern en bernsbern to sjen.
In ûre twa letter gyng Doedte stil by hjar wei, lykme allinne en selst
Jehannes mei al syn greate ljeafde wie net yn steat, hjar to folgjen.

En diselde simmers, yn ’t tún mei syn rûkende reade roazen, syn
leeljeblommen yn al de folle pracht fen hjar wite moaijens, learde hy,
hwet iensumheit wie en waerde him de kreft jown, dy birêstend drage to
kinnen.




XII.


Ho hearlik roek it bûtedoar! Maitiid, maitiid! floite de skelfink yn
Foppe Lieûwes syn hôf,—hearstû my wol, âlde húsman? Bistû ek net bliid?
Sjoch de priel fen de lânsdouwe, draecht se net as in keninginne hjar
kleurich keninklik kleed, mei blossoms binaeid en sinneglâns der yn
biweefd? Sjoch it wetter, ho klear as it is en ho stil.... Sjoch de
lytse wetternestjes fen ’e stikeltsjes roeikjen, sjoch de
swânneblommen, ho-t se stadich bledden en knoppen út hjar longerjend
herte poarje litte, om ek mar sinneskyn to heinen, tûzenris sinneskyn!
Sjoch it waeijen fen ’e teare felettene blomtûffen fen ’e
pinksterblommen yn dyn finne en it gesoei fen ’e wytbisnijde hagetokken
op dyn diken.... is ’t dy ek gjin wille dit alles, o húsman?

Foppe Lieûwes hearde de skelfink wol sjongen en seach ek wol de moaije
maitiid om him hinne, mar hy suchte.... Dizze winter hie hy hwet
bidobje moatten yn syn hert.... det hie him tige sear dien.... hy hie
optheden gjin lust oan geniet. Ho hie ’t syn forhoping west, noch
ienris wer it âlde Fryslân, sa nei forkleefd mei syn hiele libben, yn
gloarje herrizen to sjen! Ho bikaeid wie ’r útkaem! Alles lei nou
ommers yn gruzeleminten. En nou hja der yn ’e Haech drok dwaende, om
Fryslân noch lytser to krijen, syn selsstânnigens to ûntfytmanjen en
syn jild yn to palmjen. Ho hate hy dy Coert fen Beijma, dy saneamde
representant, dy-t foarstelle doarst yn ’e Nationale Forgearring, om
plechtich haet oan it Stedhâlderskip en alle oerhearsking to swarren!
Nimmen wie him byfallen—sa settene se him pyk, mar sei wie it en hy
makke him sa lilk, det hy skodde de fûsten fen pûre argewaesje. Wie det
in kearel! wie det in Fries! Immen, dy-t alle war diich, om Fryslân yn
’t leech to bringen en kroep foar de hege hearen, om mar in hollânsk
plûmke to krijen en mei bean to wirden op in hollânsk gearset. Hy en
âlde fen Rhé! O it wierne de beide kweageesten fen Fryslân en hja
scoene ek wol sa lang skrippe, om it foargoed yn ’e bidelte to hompen.
Hy koe se allebeide wol forgrieme, sjeder! en hy makke himsels ho
langer ho lilker, en seach net iens, det ’r immen det opdraeide nei
hjarres ta. Bidaerd bleau ’r stean, do-t hy mirk, Foppe seach him net
en snúfde ris in noasfol op fen al dy hearlike geuren, hjir yn ’t hôfke
om ’e nocht to krijen. Hwet ûnthjitte it allegear in moaije risping, de
beammen stiene suver wyt!

Der knapte in dea tokje op ’e groun en Foppe Lieûwes draeide him moi
gysten om. „Hea Roanes, bistû der?” sei ’r hertlik wei en hja fûsken.
„Kom mei yn ’e hûs to kofjedrinken.”

„’t Is hast skande”, sei dy op syn kalme, bidaerde menear, „sok waer en
den yn ’e hûs....” en syn hânnen aeiden in blossomtokje, det him oan ’t
skouder ta hinge, mar hy tepte it net ôf. O dy triljende sinneweelde,
hokker ljeaflik byld rôp dit alles by him wekker! Hy fielde, ek hy
hearde by dit alles, jong, sterk en bloeikreftich yn syn swietste
sappen, fen gjin gesting ef onhuerens bidoarn.

Syn eagen skitteren, hja dikeren yn ’e fierte, wist ’r der net
Bouwekleaster yn syn tsjustere beammen, wenne der Wolmoet net, it
swietgeurige blossomtokje yn it maitiidshôf fen syn hert? Hwet wist in
âld man fen soks? Dy soarte fen ljue stoarren hjar staf op it forline.
Det wie dochs for altyd foart.... Hy woe it nije.... de driûw fen syn
soun bloed frege twingerich de skeakeling oan de takomst.... ljeafde,
it húsgesin, it bern....

En dizze moaije maitiid, wie hy net it ûnthjit fen dit alles, hearde ’r
net in mesykjen fen sêfte snaren en lokke det net ta alle rein en suver
geniet?....

Al tocht ’r sa fen alles by inoar, foar it each bleau ’r like bidaerd
as altyd, pandere Foppe Lieûwes efternei nei de lamkes ta en de biggen
en it bêste koukeal, fen ’e moarn fongen en einliks kamen se yn ’e hûs
to kofjedrinken. „En dû bliûwst hjoed mar by úzes to iten”, ornearre
Foppe Lieûwes, „en den kinst fenmiddei wol meiride nei ’t Kleaster ta.
Ik gien dochs mei de seas. Ef hoechste hjoed net hinne?” pleage ’r mei
in bizich glimke. ’t Min sin sakseare hwet, nou-t hy selskip hie. Hy
kûstere him oan ’e jonkheit fen Roanes as oan in waerm fjûr. Hy sette
him heech, dizze skûtmakkerssoan fen Eastemar en ’t scoe Wolmoet nea
birouwe, as se mei dizze nei ’t gritenijhûs ta gyng, tocht him. Dy rare
markejoun fen Optwizel hie dochs noch earne goed for west.

Dy middeis rieden se togearre op ’e kromsidige seas, heech boppe it
stof fen ’e wei, troch de moaije, bloeijende wrâld. Hja koene fier
sjen.... gjin dize loek syn sulveren streken twisken ’t fiere en ’t
tichtebye.... ’t wie allegear sa klear, sa fris en ’t kaem sa folmakke
út ’e Skepper syn seinjende hân, det de nije pracht fen it jier makke
hjar suver stil.

Sá rieden hja in hiel set. De iensume sânreden lâns en do oer ’e
Hamsterheide.... yn it âld weinspoar wipte de seas op en del en
mennichten fen heideblommen sneuvelen ûnder de greate tsjellen.... Hjir
en der in inkelde spjir, in jeneverbeamke, oars de wiide hege blauwe
himel en de brune heide inoars maten, nou yn simmerhearlikheit, winters
yn earmoeds bitterheit.

By Bindert Japiks stiene de skúrredoarren op en Wytse seach al ris
út.... It like der wol boelgûd, sa fol stie it hiem fen allerhânne
soarte fen weinen, bolderweinen, in gieloaljelinnen kappe der stiif oer
spand, seasen, ierdkarren, in pear faeiëtonnen, in inkelde moaije
karosse for fjouwer hynsders en yn ’e kamp foarhûs roanen sa ’n
sechstich hynsders.

„Nou, nou!” sei Foppe Lieûwes en seach dit alles oan. Ho scoe hjoed dit
weromsjen wêze fen ’e Oranjemannen, nei de tsjinstuit fen Dokkum út
inoar stoud as hwet goezzeplûm nei alle wynstreken. Inkelden, dy-t
tichteby wennen, kaem ’r yetteris wol to wird, mar sokken fen
Ingwjirrum en Anjum en Boerum en de efter-Ljouwerts, wierne se net as
skippen, wachtsjend foar ien slûs in amerij, sa tichteby en nea yn it
libben wer diselde reis!

„Miskearret der nou nimmen mear?” waerde der frege, do-t se ynkamen yn
’e greate skûrre, hwer wol in hûndert man hjar opwachte. Stadich
waerden de nammen oproppen út de neiste contreinen.... presint wierne
de measten en dy-t der net wierne, der joech in oar for lûd en fen dy-t
fierst ôfwennen, kaem allinne de oerste ef foaroanman op it aljimint.
Finzen noch inkelden, mar de measten al wer los tsjin in heech losjild.

It wie Wytse Binderts Cloosterman, dy-t út namme fen syn heit de list
foarlies en do-t hy by de namme fen Jan Binnes kaem, stúke syn lûd
efkes.

Al de oaren waerden stil.

„Jan Binnes!” sei Wytse Binderts. De hoedden kamen ôf.

„Jan Binnes is de holle ôfslein for de goede saek fen Oranje de 18e fen
Selle fen dit jier en syn stof is biierdige folgens oarder fen al de
Oranjemannen op it Aldwâldemer hôf. Dit doch ik, fen Scheltinga fen
Stynsgea to witten oan al dizze ljue hjirre. Hy hat syn libben jown for
ús saek. Litte wy syn namme yn eare hâlde.”

In inkelde bange stimper riboske efkes, ware de geest fen Jan Binnes
net yn hjar foarmidden om?

Wer trof de klank fen in bikende namme Foppe Lieûwes syn earen.

„Master Marten Joukes?” waerde roppen.

„Forkomt yn ’e finzenis to Ljouwert al sont Selle.” In dof gemompel
gyng troch de rigen, seagen se it lytse opljeppen mantsje noch net oan
’e spits fen syn folkje út ’e Wâlden? en nou al sont moannen yn ’e
wiete kelderhôle fen ’t tichthús! Foppe Lieûwes gyng ’t neijernôch,
krekt as wie ’r op in bigraffenisse fen ljeaven.

„En nou frjeonen, komt it alderslimste yette,” sei Bindert Japiks. „Nou
komt de kniper op ’e skine. Ik bigjin sa njonkenlytsen to tinken, det
allinne twa fen de earmsten der útpikt binne, om ’e koarte dea op ’t
skafot en ’e lange marteldea yn ’e finzenis to stjerren, omt der dochs
neat op hjar to forheljen is. As se tûzenen bisitten hiene, wierne se
ek wol sparre.... nou wierne se goedkeape offers ta formoedsoening fen
’e wraek fen ’e Jacobijnen. De libbenen moatte bliede.... Frankryk
easket ommers jild, tûzenen, hûnderttûzenen, noch mear.... En
ienkear.... scil ús it fjûr noch wol neijer oan ’e teannen lein wirde,
den komme ús bern oan bar....

Der kaem biweging ûnder ’t folk.... „Sa fier is ’t dochs noch net?”
oppeneare ien binaud. „Sitte wy den al sa yn ’t ûnleech, det wy gjin
kant mear út kinne?”

„Praet fen gelok, as ’t noch net slimmer wirdt. Jisterjoune let krige
ik dit brief.... Geuke Ljibbes wit fensels wol, det wy hjir hjoed by
inoar binne, der soarget de forrieder yn ús foarmidden wol for. Min
moast him ôfsoalje, det ’r der noait wer sin oan hie, om hjir to
judasjen.” Banjer, hielendal efteroan by ’t skûrrefinster, slûpte
foart. Immen joech him in stomp, hy stroffele oer ’e
efterhûsstriette.... syn possenaesje wie nou útspile, fielde ’r wol, it
jildfortsjinjen dien. En Foppe Lieûwes brocht him tobinnen, hwet de
jonker ienkear sei hie der dy joune yn ’t húske to Iestrum.

Nou bigoan Bindert Japiks sels de lange „dagvaarding” foar to lêzen,
opmakke fen ’t Geregte fen Achtkarspelen en únderteikene fen Geuke
Ljibbes en fen der Kooij en hwer de nammen[1] op foarkamen fen
allegearre, dy-t oan de Collumer opstân mei hândiedich west hiene en
lies teffens de boete op, hwer se ta foroardield wierne.

 [1] sjoch efteryn dit boek de „officieele” list fen nammen en boeten.

It wie sa stil, min scoe wol in spjelde fallen hearre kinne. D’iene
seach toglûp nei de oare, mar elts for oar hâlde him great for syn
bûrman.

Einliks swijde it swiere lûd fen Bindert Japiks. Hy tearde it pompier
op en stiek it yn ’e bûs. „En nou, hwet sizze jimm’ hjir ta?” tantte ’r
de ljue. „Wy ha rare lege eagen smiten, frjeonen! Is der nou ek ien by,
dy-t it moit, hy komme op. Ef ha wy it allegear for Oranje oer en yn
Oranje for Fryslân, it selsstânnige Fryslân, frij fen hollânske
twingerij!” en do hwette sêfter: „Alle ljeafde freget hjar offers
frjeonen,.... alle lok wirdt ommers bitelle mei syn eigen priis....
Dizze priis is heech, taest ús oan yn ús goed. De measten scill’ der
hjar om bikrimpe moatte, in tindere brogge en faken in sûpke jenever
minder. Nou, der kin ’t sûnder, dy brouwdrank fen ’e divel is nin
minske ea goed bikaem.... Mar hwet my o sa sear docht, frjeonen.... it
is net de straf.... ef it jild.... ef de kweanamme, dy-t se ús
oanwriûwe scille yn Hollân.... mar it is de saek sels. It hat de lêste
útsetter west for ús. Nou is der gjin forwin mear op. Wy kinne om ús
hinne gnauwe as in snoek yn ’e foeke, it jowt ús neat mear. Hollân
krijt ús nou alhiel yn ’e bisnijing. Fryslân wirdt in wingewest,
ôfbeuld as in âld hynsder foar in swiere fracht fen skilden.... nou en
for alle tiiden en al ús gloarje scill’ se ta hjar nimme. Skrippe se al
net, om ús ús Hegeskoalle to ûntstellen? Fryslân moat ta de wrâld
út.... As se koene, scoene se selst de tael en de namme der út snije
wolle as in minskehert út syn lichem....”

De oaren bleauwne stom, gjinien hie in wjerwird, mar it gyng hjar troch
ieren en sinen. In nuver gemompel bigoan warber to wirden yn alle
hoeken fen ’e greate skûrre, it wie in swier stik, om dizze bittere
wierheit forkropje to moatten.

Einliks sei der immen bidêsd: „Bindert kin ’t ús nou allegear wol slim
tofoaren prate, scoe ’t altomets noch net hwet tafalle kinne? Min merkt
der hjir noch net folle fen as nou ja.... mei det jild is nou wol slim,
mar der ha wy ek de kâns for hawn om to winnen. Hokker groun hat
Bindert for al dizze slimme formoedens?”

„As min immen hwet to lien freget, is min al hear ôf en as min frjemd
yn ’e hûs hellet, om der to regearjen, wirdt min sels slaef. Hy sit by
de skerm en min yn ’e sigerige herne. Tinkst, det Frankryk it rike
Hollân om ’e nocht helpt? Wiste noch net, det wy yntkoart in fyftichste
penning opbringe moatte fen al ús goed en mar in rinte krije fen
3½%.... as wy se krije?! Brekt de ynkertiering ús allegear op den duer
net de nekke? Tinkst sims, det ik myn fiif man ynkertiering altomets om
’e nocht útbisteegje yn ’e Hamster harbarge? En wy binn’ noch lang net
oan ’e ein fen ’e tiiden ta.”

Foppe Lieûwes, ek ien fen de âlderein, nikte byfallich. De jongeren woe
’t net oan, ho slim as ’t wol stie, och, as min jong is, kin min alles
tille.... den leit it hiele libben derfoar as in effene wei. Mar al
njonkenlytsen leart in minske hifkjen en soarchjen.... de jonkheit
libbet der mar op los as de soldaet Saterdeijouns. Moandei’s is ’r al
mak,—tocht Foppe Lieûwes, wylt ’r sa ris om him hinneseach yn ’e
healtsjustere skûrre en hjir en der in goekinder tanikte. Hea, der stie
ek in kloftsje Boerumers, Joege Innes yn ’t foarmidden en hy gyng der
op ta en hja fûsken, mar it antlit bleau stoef en hja seagen bidrukt.

Och, it jild wie noch wol oer to kommen, det net, al scoe hjar ’t
helter wol útstrûpt wirde en de pong yn ’e alderlangste knoop komme!
Mar dy grêven diene it him, ien op it Aldwâldemer tsjerkhôf, twa yn
Driesum en trije yn Ikkerwâld! It wierne offers fen minsken, dy-t it
Bataefske regear frege hie, in moai biwys fen ’e heech romme
broerskipeftigheit! De tûmmeskroeven setten se linkende wei al mar
kniperiger oan, earst de frijdom kwyt, do it jild en nou! de earste
soannen fen it folk sels, dy-t oars neat gjin kwea dien hiene as det
hja it wettich gesach fen ’e Oranje’s, it hjar fen God taskikte regear,
hânhavenje woene.

Scoe ’r dit noch ienkear bilibje meije, dit regear wer op syn troane to
sjen? de flagge noch ris wer waeije op ’e Eastemarder toer ta eare fen
’e jierdei fen ’e Stedhâlder, goudtsjeblommen yn syn tún sjidzje to
kinnen, sûnder det der immen kaem en skûrre se der by nacht en ûntiid
út. Och hy wie in âld man en Joege Innes en safolle oaren wierne it
ek.... licht wierne se al lang yn it hinnekleed bispjelde, eart it sa
fier kaem. En dochs.... hy twivele net oan Heger Bistel, nei dizze tiid
fen binauwinge en druk kaem ek ienkear wer in bettere tiid. Den scoe it
folk wer frij wirde en ’t wêze sa ’s alear: Fryslân wer it frije,
moaije lân en in fryske Oranje draechjend yn eare en greatskens de
Fryske kroan, dy-t him takaem en hwer it hiele folk syn rjuchtsbisef
him yn skoarre, dy drage to kinnen....

Ho ’n moaije dream wie ’t, ho ’n bitiizjende tsjoen fen takomstbylden!
’t Koe allegear sa komme, al wie ’t nou noch mar in drôge, mar is net
alles, hwet nou wirklikheit is, net ienkear ûntstien út hwet do spotsk
drôge hjitten waerde?

Bindert Japiks drôge net, dy hânnele koart biredt en koel. Hy siet op
in ierdkarre en skreau de nammen op fen ’e ljue, hwaens wapens al
ynlevere wierne[2] op ’t Stynsgeäer gritenijhûs ef dy se weismiten
hiene yn ’e stedsgrêft fen Dokkum. Ek skreau ’r de nammen op fen ’e
ljue, hielendal troch earmoed ûnbikwaem ta boetebiteljen. It wierne mar
in stik ef seis, hwent it folk, hândiedich oan it forset, hearde ta de
geseten ljue. Earme lús-angels hâldden it mei it Frânske gesach, hja
hiene ommers nea hwet to forliezen, altyd to winnen, as ’t ris oan ’t
fordielen fen ’e bút takaem. Ho scoene se der den yn omskûrre, as dy
bêste brave patriotten hjar ris frij lieten to dwaen nei hjar eigen
wil! Ho scoene se sels skrippe, om it measte to krijen, al moast der
den ek in húsman om dea. As hja it mar hiene!—tocht Foppe-om.

 [2] Sjoch hjiroer efter yn it boek.

Fierders lies ’r ûnder deadlike stiltme it brief fen ’e jonker foar:

Hampton Court de

30e van April 1797.

    Mijne seer getrouwe Vrinden.


    Deeze wordt UEdn. geschreven uit de residentie van onzen Frieschen
    Souverein, te weten Hampton Court, waar ik na eene seer sware reis
    van zes dagen door Gods genade toch nog behouden ben aangekomen. Ik
    ben nu, waar ik moet zijn, in de schaduw van mijn’, ja onzen seer
    beminden Vorst. Toch gaat mijn verlangen uit naar mijn vertreden
    Land en naar mijn verslagen, verootmoedigde vrinden. Wij hebben ons
    spel gespeeld, wij hebben verloren.

    Ik zie de toekomst donker in, mijn Heer doet het evenzoo. Hij weet
    niet en waarhenen zich te wenden, zijn herte is in bittere
    droefenisse om ’t gene en is geschied.

    Laat ons allen onze oogen opheffen naar de bergen, vanwaar wederom
    eenmaal onze hulpe komen zal. De Heere is ook de God der
    legerscharen, Hij leidt ze naar Zijn wil.

    Seer zoude het mij verblijden, te mogen vernemen, of onze vrinden
    Jan Binnes en meester Marten en de anderen huiswaarts sijn gekeerd
    ende of se nog zijn beboet.

    Deze wordt UEdn. gezonden door de tusschenkomste van Porter uit
    Harlingen en zende de Uwen ook alzoo.

    Ik groet U allen seer, mijne Vrinden, in ’t bizondere Bindert
    Japiks in ’t Clooster en Wibe Lubberts: Gedenkt mijner—banneling—in
    den gebede:

    Ripperda.


Hwet roerden de wirden út dit syn brief teare snaren oan! It hert
spriek ta it hert, ja wol det!—

En einliks formoanne Bindert Japiks de ljue yn in koart, earnstich
wird, goedwei de boeten to biteljen, de saek lei der nou dochs sa ta,
hja wierne oerlevere oan ’e dogeneaten en forroppe foar it Hof to
Ljouwert ef sa, om ’e boeten forlytse to krijen, scoe dochs neat jaen,
omt Hollân raesde om jild en dit moast wer as in lyts pynstillingkje
brûkt wirde.

„Mar wy wolle neat mei det Hollân út to stean ha! Hwet maelt ús det
Hollân?” rôpen inkelden en ho-t Bindert Japiks, fen Scheltinga en Joege
Innes ek praettene, it folk bleau rare roerich.

„Woll’ jimm’ it noch ris bisykje en det it ús wer ôfgiet as to Dockum?”
frege Bindert Japiks.

Der prusten se ek raer tsjin oan. Né, det nou just net....

„Nou, hwet woll’ jimm’ den? Komm’ op, dy-t in útwei wit....”

It bleau stil ûnder ’t folk, mar einliks pinfiske in bisûnder
bolstjûrigen maet: „As wy nou as ien man ris wegeren, om dy boeten to
biteljen, hwet scoe ús den oerkomme kinne?”

„Den krigest skúsjeboelgûd, alles forkoft en den op ’e keap ta tsjien
man ynkertiering....[3] en ast dy den noch al to raer postuerdste en
net om lyk wolste.... nou, de bile is der altyd skerp to Ljouwert en
der is gjin greater plesier for Hollân, as der in frije Fryske nekke
ûnder,” sei fen Scheltinga bitter.

 [3] Fen Scheltinga fen Stynsgea koe der fen meiprate. De 7e fen Selle
 waerd hy oppakt troch in oermacht fen fyftich patriotten en ’e captain
 en nei Ljouwert brocht, syn wiif Maria fen Haersma waerd’ do in
 húsarrest oplein út suvere pleachsucht en der sahwet in wike ef
 fjouwer in man ef tsjien by hjar ynkertierd, wylt hjar man yn ’t
 tichthús siet.—

It snie hjar troch it hert, dizze wirden. Wie it sa? Ja, it wie sa! Det
hie Hollân al lang in greate argewaesje west, det rike Fryslân dêrre
ûnder syn eigen regear, dijende fen wolfeart en frede.... de
Hegeskoalle to Frentsjer tige yn bloei en mennich learde ôfleverjend,
hwaens namme klonk as in klok.... Fryslân fleurich, sûnder greate
skilden en wol mei greate baten, hwet stiek it Hollân de eagen út! Der
moast in ein oan komme, hwa kin yn ’e wrâld de fleur fen bûrman sjen en
wirdt net oerginstich?

En nou hiene se Fryslân yn ’e bisnijing! goed knevele ek! en lei it der
spinfoetsjend, machteleas foar! Ho scoene se it nou tramtearje, eart se
it einliks genedich de deastek joegen. Der moast neat fen ’e âlde
gloarje bliûwe! In útplûndere hûs! in kealskodde beam! En den koe ’t
folk gean, hwer it woe, ast tominsen noch op ’e poaten stean koe....

It joune nei de moaije Snein. Elts ried nei hûs, wrok yn it herte,
opstandich it moed. Hwet Bindert Japiks en fen Scheltinga seine, wier
wie it, bifestige it soun forstân hjar, mar in oaren, tigen fûlen
twinger, it gefoel, stie op tsjin dizze twinglandij. En den fen frjemd!
Hie ’t ien fen ’t eigen folk west, in Fries ûnder ’e Friezen, hja hiene
noch mei tsjinsin dwaen wold, hwet hy gebea, al scoe ’t den ek
wrokjende wei west ha, mar in frjemd oerweldner!? Wûndere plannen
spûken der dy moaije fredige joune yn in bulte hollen om. Hja seagen
neat fen ’e hearlike wrâld om hjar hinne, hja kearden sa djip ta hjar
selme yn, det de bûtewrâld bistie net iens mear op dit stuit, allinne
haet! haet! bimastere hjar tinsen en joech de sêftere fielings fen
ljeafde en forjowing in triûw yn ’e bidelte.—

Foppe Lieûwes bleau to iten by Wolmoet en dy. Wie ’r der net as thús?
En Wobbe en hy kuieren togearre it lân noch ris in eintsje út en
biseagen de nije frucht, dy-t der oerwaeide op ’e jounsigen as in
hearlik ûnthjit. De lege sinne streake ’r noch goudglânzich oer, in
fûgeltsje, sêft fen lûd, song ’r noch syn sangkje. It lûdtsje wie sa
fyn, it lûdtsje wie sa tear, krekt as koe ’t hast net ta jubel komme en
woe it dochs sa minlike graech....

It wie sa maitiidsêftige jong, dit allegearre en Foppe Lieûwes en
Wobbe, de beide âlde mantsjes, fielden hjar optheden o sa âld.... âlder
as hja ea west hiene.

Hja hearden lûd praten en laeitsjen en seagen Wytse en Ritske mei
Roanes Gearts kuierjen yn ’t kleasterhôf, de wallen neisneupend, as der
al ripe wylde ierdbeikes wierne.... Hja koene noch laeitsje, dy trije,
it gyng hjar noch net botte nei....

„It bliûwt mar oan mei ús Wolmoet”, sei Foppe Lieûwes en syn eagen
kipten wolgefallich Roanes út ’e trije. „Hwet seistû derfen Wobbe?”

„Dy binn’ for inoar bisteld, det ha ’k al lang bispeurd”, nikte Wobbe
wis.... „Us Wolmoet is keken en as sokken hjar hwet yn ’e holle sette,
den slacht gjin minskewil it der ea wer út. As ’t in forkearden ien
west hie, hiene wy der neat oan dwaen kind.... nou ’t it in goeden ien
is, liket it my in seine ta fen de Heare. Hy wit, hwet it weeske nedich
hat, wy beide, jou en ik binn’ âlde minsken en Lysbeth ek, wy ha ús
measte tal jierren hjir hawn en ho den? It bern hat in stipe fenneden.”

„Scoe hy der ta doge?” hifke Foppe Lieûwes útfreegjende wei, al hie hy
for him sels Roanes Gearts al tiiden as sadanich biskôge.

„Sjoch”, sei Wobbe, „jy hâlde it stil fensels.... ik ha ris nei him
fornaem sa nei ’t iene en ’t oare. Hy hat jild fensels en den hat immen
ek fijannen, guont, dy-t it him forginne, mar de boaden by syn heites
meije him graech lije en syn kammeraten binne ek goedsoartige ljue. En
it laech is goed....”

„Bêst”, sei Foppe Lieûwes der op ta. „Ik ken se fen âlder ta âlder, it
is gjin oastich hout om sa to sizzen.” Sa kâlten dy âlde mantsjes der
mei inoar om, wylt de jonge feinten laeitsjend en pratend om hûs en
hear kuieren. Roanes loerde al ris skean nei de pleats, hwer hy syn
famke wiste en den pleagen Wytse en Ritske him sa, det hy waerde der
hast mâl fen. Syn donker, djip baslûd klonk fol en helder en sims
spitsten de beide âlde mantsjes de earen. Den forstiene se in
koartswilich wirdtsje.

„Jonge! jonge!” sei Foppe Lieûwes,.... „do-t wy ek noch sa jong
wierne....! hwet wie ’t do moai....”

„It is noch moai”, sei Wobbe droech-wei.—

Lysbeth raspe krekt de tsiis oer ’e broggen, do kamen de manljue yn.
„Wy binn’ roppich as hinnepiken, nou Foppe-om?”

„It hat in minne dei west”, suchte dy. „Min scoe einliks net ite moatte
fenwegen al dy aeklikheden....”

„Kom, kom!” susse Lysbeth, „mar gau in flaubyt. Noait de holle hingje
litte, altyd der mar wer kraukyl en fleurich by. Elts minske sit wol
ris yn ’e skûrsek en de bêste medicyn is jimmer, de holle heech en de
mage fol.”

„Jy prate hwet”, en Foppe Lieûwes suchte noch djipper.... „Hwer is it
fanke?”

„Efkes nei de bûrren nei de kammeraetskes. Sjoch, der komt se krekt
oan.” De âlde eagen fen al dy trije minsken seagen fol ljeafde nei
hjar.... de fleur en de gloarje fen hjar libben. Hiene se se mei-inoar
net opsaeid as in lamke, do-t heit en mem it net mear koene? Hiene se
der alle trije net like folle oanpart oan? Elts for oar easke syn part
op, liet him net oer in strie lûke, fielde him der like nei ta as de
oare, Lysbeth einliks aldermeast.... Hwet scoene dy manljue ek al!

Der kaem se oan, hjar ljeave, jonge pop! De sinne hie se yn de rêch,
nou like se greater as oars. En hwet stie det nije gielsitsen pakje
swierich en der de wytkanten skelk by foar. Al wennen se efterôf, hja
wist noch wol fen moade en ’t moaijste út de fyndoekspoep syn marse
achte se noch mar krekt goedernôch for hjar. Al hie Wolmoet hjar eigen
bern west, hja hie net mâlder mei hjar wêze kind, tocht se.

Efter de elzenwâl seach noch ien hjar.... Roanes stie der, hielendal
wei yn ljeaflik oanskôgjen.... Ut de fierte wei by in bocht fen ’e reed
kaem hja in eintsje lyk op him yn.... hy stie der stil nei to sjen, for
’t uterlike sa bidaerd as altyd. Ritske en Wytse op in distânsje
grânzen: „Pas op, detst net yn ’e sleat falste. Der ’s wetter en
Wolmoet net”, en hja forknypten hjar for wille. Roanes diich, as hearde
’r neat. Ien tel waerde ’r yn syn siele in gerdyn oplicht en de
binnekeamer fen it lok syn doar seach ’r en hy gyng der ta ’n yn, stil
en stadich, de djippe preauwer, hwent det wie ’r. Hy preau oan ’e
djipste roersels ta it sidderjende lok.... hy naem it ta him as in
rjucht....

En hja kaem tichteby, gyng de hoeke om, linich fen swaei en yn ’e hûs.
En noch altyd stie hy der, yn dreamen wei....

„Wolst altomets ek in elzenbeam wirde? Kom, gien mei yn ’e hûs, Roanes.
Fen acht ûre ôf oan twa ûre ta kinst se strak ansens bisjen.... Hja hat
ek in deaplakje op ’t wang”, pleage Ritske. „Hjir oansje”, en hy wiisde
op syn birdstoppelich kin. „Wy kenn’ Wolmoet ek wol, nou Wytse?”

„Fen oansjende, hear Roanes”, sei Wytse heech en gyng neist Roanes yn
’e hûs.—

Yn ’t oankommen fen ’e lije foarjiersnacht wie diskear in wûndere
hearlikheit. It hie yn lang net reind, nou foel der somwilen út in
tsjuster wolkje, hiel even in droeve glim oer ’e greate moanne, in
hantsjefol bûterdrippen. Hja foelen rjucht del en makken net folle
gewach yn dizze stille bloeijende wrâld, al trúnden se ek de stadigen
en ’e loaiën en ’e letkommers oan ta bloeiberens. De lêste knoppen
troaiken se ta iepengean, de lêste ikebledden om de oprôlle bledspruten
hjar kleverigens los to litten. In moaiwaerûltsje rôp, ien fen ’e
Stynsgeäer bosken andere gysten.... twa.... trijeris, krekt sa lang,
det de oare waerde stil.

De kamperfoelje geure, de michjes gounzelen bilust om ’e tafel, for
hjar oanrjuchte ta in feestmiel en fen geurige ranken biskûle, brette
de bûnte specht op in fol tal aeijen yn ’t holle fen in stamme. Dy stie
deun by ’t hûs, in âld boekebeam wie ’t. It lette de fûgel net, hwent
it folk dêrre liet him betien, al woe hy ek twaris briede, hja scoene
him net forbâlje. Heech yn ’e beam, der rûzde somwilen de snjitterige
rein, efkes stil, efkes wiet en nou skynde de moanne wer. Lysbeth
toffele nei de hutte ta to fjûrbistopjen, Wobbe skoatele de útdoar.
Foppe-om wie al lang wer foart, lyts yn inoar dûkt mantsje op ’e hege
seas seagen se him weiwirden det út nei de Hamster bûrren, op ’e joun
wol feiliger paed as dy iensume heide.

Roanes siet op syn âld plak foar de hird, nou kâld en de plaet en it
koperen hirdtsje moai oppoetst en in pronk fen in readkoperen greate
tsjettel oan ’t hael. It skoarstienkleed roek fen stisel en de hiele
keamer fen terpentyn. Hy helle syn pypke ris út de bûs en stie yn
bistân. De toeback lei oars al foar him.... in folle pûdde bêste
Jouwste hearebaei.... mar joech ’t einliks wol pas hjir to smoken?

Stadich, hiel lytse snúfkes twisken tûmme en finger, bigoan ’r de piip
den dochs mar to stopjen. Wolmoet snjitte der noch efkes út, ticht by
him lâns, hy hearde it fortrietlik gejammer fen ’e kofjemounle yn ’t
foarhús en gepraet yn ’e molkenkeamer. Syn eagen wykten net fen ’e doar
en by ’t ynkommen seach ’r hjar fol en great mei ljeave, twingerige
langstme oan. Hja glimke jongfammige bidêsd tsjin him, wylt hja it
tinnene kofjekantsje op it komfoarke sette en de brune klontsjes yn ’e
glêzene klontsjepot der neist en de Dimter koeke.

En do siet se, in lytse prinsesse, op hjar troan, al wie ’t ek mar in
knopkestoel en der in kaffen kjessen op. Ho gau wie ’r by hjar....! ho
swiet de earste swiete pea....!

De stoeltsjeklok roan as in hirddraver.... d’ûren kopketûmmelen,
gnizerige kwajonges, inoar foarby. Roanes hie net folle to keap.... hy
triûwke en patte syn lytse pop al mar oan en as se hjar ris efkes út
syn earms loswynde, den hâldde ’r dochs hjar hantsjes yn syn greate
brunen.

„Ik kin dy net wer misse, Wolmoet,” sei ’r optlêst hiel stadich en
sunich. „Strak ansens komt de simmer en de haeijing.... den scil ik
dochs in skoft net komme kinne.... En ik kin net sûnder dy.... Ho scoe
’t nou moatte?”

Hja sei neat, siet, de hânnen yn sines en ’t lytse kopke tsjin syn
skouder oan, stil foar hjar út to sjen. „Sa ’s dû dochste, is ’t my
goed,” sei hja optlêst, as in syke sa sêft. Yn ’e greate keamer wie ’t
as gefluster.

„Pop!” sei ’r en loek hjar wer ticht tsjin him oan....” „En as ik nou
ris sei, om takommende Maeije to trouwen, hwet scoest den sizze?” en yn
syn moai djip lûd, suver as in sulveren klok, reaunte in trilling fen
twivel. Al hope ’r sont tiiden, al leauwde ’r sont in set, och, al syn
lok hinge optheden as in lytse sulveren kûgel to soeijen boppe in
djippe swarte kolke fen leed.... En it lot boarte ’r mei, boarte mei
him en syn ljeafde. Hokker kant út, jong minskebern.... in flimende
smert ef in jubeljende freugd....?

Hja nussele hjar tige ticht tsjin him oan, deun neist him flustere se:
„Det scoe my ek goed wêze, Roanes....”

Yn ’e foarmoarn gyng hy nei hûs.... de stille paden del nei Eastemar.
De beammen dripten noch nei, mar it reinde net mear en alles roek
oeribele swiet, krekt as hie de hiele wrâld syn kostlikste geuren
biwarre for krekt dizze nacht. De lânnen fol blommen geuren, de
hagebeammen op ’e diken, de wylde roaskes yn ’e sleatswallen en by in
iensum boerehûs stie in âlde kastanje yn folle bloei. De jonge, bliide
moarn waerde warber yn ’t Easten en in sêfte roazereade skimer trille
oer ’e loft, al fierder en fierder teante ’r, ont it hiele Easten as in
blom yn ’t roazereade iepen bloeide. En derfoar.... en ek gjin inkelde
beam mear, stie allinne dy iene kastanjebeam en bloeide.

Tûzenris bloeide ’r, tûzenris de jonge maitiid droech ’r op syn swiere
âlde tokken.

Roanes Gearts bleau in amerij stean en preau syn skiente en liet de
heugenisse hjir oan stilwei sinke as in sulverstien yn ’e djipten fen
syn optheden o sa ontfankelik gemoed. Ho ’n dei, ho ’n nacht....! De
pilgrimsreize fen ’e minske, hwet in hearlik, freugderyk paed, hokken
wûnderen geniet it reisgjen togearre al den dei, sa ’s nou syn kenber
foarlân wêze scoe....

Geart skûtmakker hearde syn soan thúskommen. Hy makke krekt
rislewaesje, om fen ’t bêd to gean en ris yn ’t waer to sjen. „Bistû ’t
Roanes?” rôp ’r.

„Ja,” rôp dy werom en de jubel fen it lok lake yn syn swier lûd. Heit
wist genôch.—

De simmer gyng as in jonge, sterke helt syn hastige wegen. De seinen
waerden harre, de stannen foelen, de bynstokken wipten op en del op de
haeiweinen en hâldden sêft fen twang, it bolstjûrige nije hea yn lust
en op in joune yn ’t lêst fen Juny waerden de earste foarkfollen hea yn
’e gollen loege. Ho geurich dy nije risping! ho streksum dy nije
wintertarring! De sinneskyn fen wit hofolle sinneskyndagen wie der
yn.... de swiete balsemrook fen millioenen blommen, de stille seine fen
net to tellen reindrippen.... de soeijing fen wit hofolle streakjende
wyntwirren, tantsjende om siedtsjes falle to litten for it kommende
jier, det nou syn tried al spoan twisken it wêzende en it kommende.
Natuer koe ommers gjin stilstân.... dizze mem hjar flitige hân koe gjin
hjeljoun....

De haeijing wie krekt dien, do brocht de biisjager de tynge bylâns, it
Geregte fen Achtkarspelen scoe sitting hâlde yn ’e Hamster tsjerke to
boete-opfandeljen.—Nou kin ’t den oan ’t strûpen takomme”—, sei Bindert
Japiks stoef. „Hwet seistû, Anty?”

„Sa lang as ik myn seis jonges noch mar om my hinne ha, siz ik neat,”
andere dy.

Bindert Japiks bigriep de wink.... der foel gjin wird mear yn ’e
húshâlding oer dizze saek.

En de middeis fen ’e 27ste July 1797 trieken se allegear nei de Hamster
tsjerke ta. Der sieten Keuning, Geuke Ljibbes en fen der Kooij al yn ’t
fjouwerkant, goed forsegele efter it hekje en in wacht fen fyftich
patriotten der omhinne. ’t Koe ris knipe.... en dea is ’t lêste.

Hjar moaije gloednije faeitonne stie foar ’t weardshús. ’t Koe in nije
wein lije, monsieur Poppéus de Rhé hie biskikke litten en jowe hjar in
forearinge fen elkmis fiifhûndert goune, omt se sa goed de skildigen by
de kraech krige hiene en de wapens ynlevere. Hússikings hiene se der om
dwaen moatten, net sunich ek en alles útfikeleard ta ’t lytste bytsje
ta. Der scoe noch wol ris in houwdegen oerbliûwe, mar ’t measte wie
binnen. De fette baerch koe net mear wrotte, hy wie foargoed ringe en
hoechde nou allinne mar mear slachte to wirden, om ’t smoar der út to
snijen.

De tsjerke wie al fol binaud en démoedich folk, do kaem Bindert Japiks
Cloosterman, earste tsjerkfâld fen Droegeham en ’t Bouwekleaster der
oanstappen.... syn seis jonges efter him oan.

„Hwet moatte dy lytsen?” sei de hounegiseler by de doar en wiisde nei
Nanne en Anne, beukers fen trettsjin en alve jier.

„Mei,” sei Bindert Japiks stoef.

„Mar it binn’ noch mar bern mei jou wolnimmen. Der kin in hiele
forsteuring fen komme,” abbeleare de hounegiseler der yin, de eagen den
wer skean op Bindert Japiks, den wer skean op ’e hearen yn ’t
fjouwerkant. Hy waerde der hjit fen.

„Dû kinst nei de ljue der ta gean en freegje, ast dy net bitrouwst,”
sei Bindert Japiks koartwei en bleau yn ’e tsjerkedoar stean mei ’t
gesicht op ’t fjouwerkant. De hounegiseler hipte nei de hearen.

„Heit!” flustere Ritske.

„Stil nou,” hjitte Bindert Japiks him. „Harkje en swij, det jimm’
letter witte, hwet der hjoed bart bern.”

„De hearen sizze, lytse bern wirde hjoed keard. It is gjin preek, mar
in forgearring fen ’e hearen patriotten.”

„Bliûw hjir mar efkes stean, bern en harkje nau ta, hwet ik nou fierder
siz,” sei Bindert Japiks en gyng lykme allinne yn ’e tsjerke op. Ast
koe, o ast koe, moast dy Keuning pyk set wirde!

„Meije dy bern deryn as net?” frege ’r bidaerd-wei oan Keuning, mar syn
bloed, det sear.

„Né,” sei Keuning sneuterjende wei, „’t is nou gjin gefimel fen sa ’n
doomné hjoed, ’t is in gearkomste fen it Frânske gesach, om de
oproerlingen boete bitelje to litten. Witt’ jy det noch net iens, man?”
Guont gniisden, guont, dy-t Bindert Japiks koene, fleagen oerein om as
de need oan ’e man kaem, him to helpen. De wacht hie de hân al oan de
houwdegen, fyftich skerpe wapens scoene der den dochs wol oarder yn
hâlde kinne, tocht hjar.

Stadich gyng Bindert Japiks noch mear foarút, nei ’t fjouwerkant ta.
Hja stiene nou lyk foar inoar oer, de deadsfijannen. Keuning waerde al
hwet wyt om ’e noas.... it wie him oandroegen fen Banjer, it koe hjir
hjoed wol ris rare nuten krêkje en al hie ’r noch sa ’n wapene folk om
him hinne, min wist net, hwer in razene kearel ta yn steat wie en ien
kûgel is der mar nedich for ien hert.... mar hy skoarre himsels ta
forset en knypte de lippen stiif op inoar.

„Dy bern net deryn, Wybren Keuning?” frege Bindert Japiks nou sa lûd,
det it klonk oer ’e tsjerke.

„Né! siz ik ommers!” andere Keuning breinroer.

„Den der allegear mar út!” rôp Bindert Japiks. „Ik as preases
tsjerkfâld wol jimm’ hjir net mear ha. Hwer ’s jimm’ tastimming?! Derút
en fluch in bytsje. Staet en tsjerke binn’ nou skaet.... dû hast hjir
neat mear to sizzen, jongkje. To gau, gien yn ’e faeitonne sitten en
rop der de ljue by inoar....”

It wie in smoarhjitte dei.... en Keuning siet ek ljeaver yn ’t skaed.

„O dû divel!” flokte ’r.

„’t Is altyd kamp en noait woan,” gniiske Bindert Japiks koeltsjes, „as
twisken ús de hotte de file rekket, nou?”

It folk wie oerein flein en stie der stil nei to harkjen, de
Oranjemannen forknypten hjar for wille. Bindert stie him, dy wie tsjin
him, de tyran opwoeksen, woan mei glâns de felle wraksel fen man tsjin
man.

Bindert Japiks wonk.

Stadich kamen syn jonges yn tsjerke, Wytse, de âldste, tweintich jier
foarop, Anne, de lytste alve jier efteroan. Saûndersom gyngen se yn ien
fen ’e hokjes sitten, lyk foar de preekstoel oer.

It slachtsjen bigoan. Earst waerde oplêzen, hwet de getugen sein hiene,
dy-t by Hotze Jehannes, keslein to Stynsgea de 14e fen Maertmoanne
getúgd hiene, hwet se al sa wisten: it jaen fen wapens oan al det folk
fen ’e Pein en guont fen ’e Ham, it hâlden fen oproerige forgearrings
by nacht en by dei, it klippen fen ’e klokken, it oerhelje wollen ta dy
forflokte Oranjepartij, it oanstean en de twingerij om mei to dwaen oan
it Collumer oproer, it wêzen by en it fechten foar de poarten fen
Dockum en do waerde it relaes fen nammen fen ’e Ham oplêzen, fiif en
fyftich.

Gjerrit en Marten Clases, de heechsten hearden hjar nammen en de
boeten,[4] de alderheechsten: sauntich goune en hja gyngen nei foaren
en telden de sulveren munte út op ’e tafel, dy-t yn ’t tsjerkepaed
stie, rychje by rychje, soarte by soarte, netsjes foar Geuke Ljibbes,
nou hjoed safolle as skathâlder.

 [4] De list fen ’e nammen en boeten efter yn it boek.

„Ik woe wol, det dyn kop rôlle as dy fen Jan Binnes! Bistû in kearel?
Bistû in Fries? Fen dy hie ’k noait net sok gemiens tocht!” biet Marten
Clases him ta.

Geuke Ljibbes sei neat. Hy sloech de eagen foardel. De tiid kaem him yn
’t sin, do-t hy en Marten Clases maten wierne.... en nou.... nou
forflokte ’r him!

In oar kaem en noch ien, noch ien, alle fiif en fyftich, it fette smoar
fen it oergearre jild foel yn ’e panne om raend to wirden ta eare en
bifestiging fen it Bataefske gesach. It folk seach nei Bindert Japiks:
scill’ wy him oanfleane en meitsje him fen kant? Hy fielde, ien wink en
de tsjerke, it hûs fen syn God, scoe ûnthillige wirde ta in
moardplak.... It barnde op ’e neil.... hy fielde it sinzjende fjûr
smeulen yn ’e onstjûre herten.

It dûrre gâns in skoft, eart al de mannen hjar penningkje offere hiene.
Optlêst kaem ’t noch sa fier, in stik ef acht moasten nei hûs en helje
jild, sa ’n kaptael hiene se net op rekkene.

Ien amerij wie ’t stil yn tsjerke. Do gyng der ien oerein, greate
Gjerrit de foarsjonger wie ’t en dy sei: „Wy binne hjir yn tsjerke, yn
ús Heare God syn timpel, it past ús yn dizze slimme omstannichheden,
det wy in psalm lêze. Sjongen jowt gjin foech optheden. Scoe ’t mei ’t
wolnimmen fen doomné wêze?”

„Doomné is der net.”

„Ast den mei ’t wolnimmen fen Bindert Japiks en dy en de tsjerkerie
is....?”

„Jawisse!” rôpen se as ien man. En hy brocht hjar it boadskip fen ’e
fjouwer en njuggentichste Psalm.

Keuning siet to rideljen op ’e bank, hy koe him net forwarre en moast
it mar mei oanhearre, det onnoazele gefimel fen dy domme âlderwetske
boer út in âld boek fen ’e joaden.... Ho hate ’r det Boek! ho hate ’r
alles, hwet christen hjitte!

De neimiddeisinne skynde al leger ta de tsjerke yn, do kaem
Bouwekleaster en ’e Pein oan bar.

„Heit, scil ’k strak ansens nei hûs en helje jild?” sei Wytse en loek
him oan ’e jas.

„Still” andere Bindert Japiks. „Sangerje my net om ’e earen....”

Wybren Keuning, tûk op ’e sege, nou ’t hy earst ’n tobekset hawn hie,
kaem mei fen der Kooij út it fjouwerkant wei en gyng neist Geuke
Ljibbes sitten. De soldaten deun efter him. Nou scoe de bûter jild
jilde, net sunich ek. Hie ’r Bindert Japiks, dy greatste dogeneat fen
in Prinsman, net yn hânnen om him to rûppeljen, om him to strûpen oan
’e baeitsjeknopen ta? En forwarre koe hy him net.

„Tymen Hindriks fen ’t Bouwekleaster: fiif en tweintich goune,” lies de
opropper, in soan fen Hotze Jehannes, de Stynsgeäer keslein.

„Eelke Rommerts fyftich goune.” Stadich stapten de mantsjes, tige
foraltereare nei de tafel en skodden de pong út, ducaten, gounen en
fijfjes, inkelde âlde goudstikjes, fen heit op soan forerfd, rôllen der
út. Der gyng it.... foargoed.... Noait seagen se miskien wer twa
goudstikken by inoar. It wie hertebloed....

„Harkje en wêz nou op jimm’ openst,” flustere Bindert Japiks en sette
syn lytste jonge, dy-t noch mar kwalik oer ’e bank sjen koe, op ’e
knibbel.

„Bindert Japiks Cloosterman fen ’t Bouwekleaster,” rôp dy langramige
jonge fen in Hotze.

„Presint,” sei dy. „Hofolle krijst?”

„Trijetûzen goune.”

De hiele tsjerke wie stom slein. Nimmen sei in wird. Allegear hiene se
de eagen op Bindert Japiks. Trijetûzen goune! in great kaptael! Min
koft der fjirtich fen de âlderbêste bisten for ef in pleats fen hûndert
pounsmiet lân! Nimmen hie ea noch safolle jild by inoar sjoen.
Langlêsten wie syn boete en dy fen in pear oaren noch net bikend en
derom net foarlêzen, hja bigriepen it nou, it wie in foefje fen
Keuning, om de Oranjemannen it mes op ’e kiel to setten, hwent de boete
moast foartdaedliken yn goede munte bitelle wirde, oars waerd der
bislach op alles lei. Sa woé monsieur Poppéus de Rhé it.

Ho scoe dit komme? Mennichien briek it klamme swit út. Scoe Keuning
Bindert Japiks dochs noch lyts man krije?

De tsjerkedoar fleach op en Jean, de greatfeint fen Bindert Japiks
seach om ’e hoeke.

„Bring se mar,” rôp Bindert Japiks. En hy kroade it jild by sekfollen
ta de tsjerke yn. Ho griisde it de minsken oan! guont koene it gûlen
hast net litte en noch folle minder it flokken. Dy moast wol in bult
mei Oranje op hawwe, om sa koelbloedich sa ’n kaptael ôfstean to
kinnen. Scoe min dy Keuning net nei de strôt fleane?

Bindert Japiks diich neat fen dit alles. De sekken stiene kreaswei yn
in rige yn ’t middenpaed fen ’e tsjerke, lyk foar de tafel. „Noch
mear?” sei Jean mei in lyts binaud lûd.

„Nim de oaren mar wer mei nei hûs. Siz mar tsjin de frou, der wie krekt
tûzen goune tofolle en det ik ansens thús kom.”

„Bêstich,” sei Jean en kroade stadich syn wegen.—

Bindert Japiks seach ris om him hinne, neat as binaude ef forlitsene
troanjes fol haet en bitterheit. In inkelden patriot gniisde him út, it
maelde him net. Noait wirdt min oerriden fen in karosse, mar meast fen
in dongwein tocht ’r greatsk en hy gyng, de holle heech en de nekke
stiif, út de bank nei de sekken ta en snie se ien foar ien los. Der
rôllen se, de goudene en ’e sulveren munten lyk foar de foetten fen
Keuning en fen der Kooij.

„Der is net by oplêzen yn hânnen,” sei ’r lûd, „en derom, klau se fen
de groun, as jimm’ se ha wolle. En nou mannen.... ien wird. Dy-t it
noch mei him hâldt, hwer wy nou hjoed sa om straft wirde, giet oerein
as ik en myn bern en jowe him noch stilswijend de eare, dy-t him
takomt.”

Alle ljue stiene, bihalven den de trije man patriotten.

„Der op ’e groun leit in hiel kaptael. Sjogge jimm’ det?”

„Ja!” rôpen se as ien man.

„Wit den, ik jow it út de folle ljeafde fen myn hert for myn Souverein.
Ik hoopje, hy scil noch ienkear werom komme by ús en de Heare meij him
biskermje en al syn fijannen fornietigje. Amen.”

Greatsk joech ’r him nei de útdoar. Dy hiele joune kaem nimmen him mear
to sjen. Hy wie it lân útgien, om allinne to wêzen yn ’e stille natuer,
him sa ljeaf, allinne yn ’t selskip fen syn tinsen. Wie de priis
altomets to heech? O né! it libben scoe ’r jaen kind ha for de Oranje’s
en yn de Oranje’s for syn gelove. Hwet wie it jild? In ripe apel fen in
beam. In oar hat him set.... in oar hat him snoeid, wer in oar hat him
bloeijen sjoen en de alderlêste, dy-t selst gjin weet mear hat fen syn
earste innich forgroeijen mei de groun, dy tept syn fruchten.

Hwet wie it jild? In kiste en in hinnekleed kostet gjin kaptael en oars
wirdt de deade ek al neat meijown....

En hy koe dy joune, wylt der weagen fen grimmitigens en lilkens oer syn
herte bolderen as in onstjûre sé, dochs de dei noch seinje, hwer hy
hjoed sá swier om biboete wie. Noch ris wer der op oanstien ta ienselde
died, ta ienselde stryd, syn biidwird scoe it bliûwe: For Fryslân en
for Oranje nou en for altyd!—

Hwet joech dit spul yn tsjerke dy deis in opskûrring yn ’t doarp! Lang
om let rekke it boetebiteljen dien.... permantich stapten Wybren
Keuning en syn kornuten, op in distânzje folge fen de soldaten, wer nei
de harbarge ta, der se hjar in jounmiel sette lieten, bisproeike fen
mennich flesfol bêste âlde wyn. Der foel hjar in stien fen ’t hert....
it jild wie binnen en net in hier op ’e holle krinkt. En det sei hwet.
It wie hjir yn it hart fen it oproerigste diel fen Fryslân en dochs! ho
stil en dimmen hiene se hjar de wolle ôfskeare litten! Allinne dy
Bindert Japiks moast wer roet yn ’t iten smite.... as dy ris ûnder de
griene seaden fen ’t Bouwekleasterhôf lei, hwet scoe me det in rêst
jaen!

Nou wierne se keal—hy ek! hune Keuning sunich tsjin Geuke Ljibbes,—nou
scoene se wol gjin oanstryd wer krije en stekke de hoarnen yn ’e wâl.
Geuke nikte, hy hie krekt de geve tosken yn in swinemaech fol krinten
en koe deswegen mei fetsoen it swijen derta dwaen, howol yn syn
hert....? jonge, jonge! it hie him dochs oangriisd, ho-t de minsken
hjar lytse sparduitsjes skriemende neiseagen. Hird man op in weak
tsiis, birouwde him einliks syn baentsje al en nou kaem itselde noch yn
’e Koaten, der sa ’n sauntich ûnder ’t mes moasten, Optwizel mei
njuggentich, Bûtenpost mei ien en njuggentich, Surhusum, Surhusterfean
en Stynsgea ek elts noch mei in poarsje.

Sjeder, hy woe wol, det hy him der útwine koe, sá woe hy net langer. As
’t der op oankaem, wie ’t dochs fen syn folk, ja syn bloed! dy-t se der
tramtearren as wierne it slaven en gjin frije Friezen mear en as dit de
dieden wierne fen ’e Frânsken, sa mei jubel fen ’e Bataefske
regearringsljue ynhelle ûnder ’t geraes fen Frijheit, Lykheit en
Broerskippelykheit, den wierne dy dieden yn syn eagen min, sjeder....!
En al wie ’t den ek monsieur fen Rhé sels, der hy him tsjin fordedigje
moast, stilhâlde scoe ’r him net!

Oanfjurre fen ’e wyn, bigoanen hy en Keuning der optlêst om to kreauwen
en det bôze sa oan, det Keuning rekke allinne foart yn ’e faeitonne, in
stik ef hwet Frânsken to „peerde” efter him oan’ ta biskerming, hwent
hy wie sa bang as in mûs en wakker yn noed om syn skoane trijtûzen en
fiifhûndert en fiif goune,[5] de greate bút fen dizze iene dei. De
minsken, dy-t him foarby riden seagen, skodden de fûsten yen him, it
lette him net. Dy-t lêst laket, laket bêst.... en hy hie it woan, al
hie it knypt. Hy scoe syn bêst dwaen, om Fryslân lyts en platbûsich to
krijen en as ’r den ta lean it ris bringe koe ta maire fen ’t
Collumerlân, in baentsje, det yntkoart ynsteld wirde scoe—wie det net
in prachtige kroan op dit syn wirk? Wie det net it plak, hwer hy troch
syn formogens, syn skranderheit hearde?

 [5] Nou distiids ûngefear tsjientûzen goune.

Geuke Ljibbes gyng nei hûs, yn ’e prakkesaesje wei, de holle
foardel.... „Bistû in kearel, bistû in Fries?” hearde ’r alwei sizzen.
It makke him mâl.... hy rekke der suver fen út ’e liken. Wie ’r hjoed
net towekker skodde op in hirdhânnige menear? Hy bigoan nou einliks to
biseffen, hwer it om gyng. Al dy moaije wirden, al dy leidige
praetsjes, wierne nearne oars om, as de ljue sân yn ’e eagen to
struijen.... Fryslân moast forgean, weiwirde, eft it nea bistien hie.
Frânsk syn seden. Frânsk syn regear, rede syn gelove en syn skoane
jild, in roof for de frjemdling!

Mar det scoe noait wer barre, hy scoe net wer hândiedich oan det
útpûlkjen wêze. It snie him troch syn hert, krekt as stitsen se der mei
skerpe messen yn.

Yn ’e foarnacht kaem de kjers der by op en in nije goezzefearren pinne
waerde oanlei en hy skreau Keuning mei in wirdmennich, det hy Geuke
Ljibbes der gjin sin wer oan hie, noch ris wer as in beul der by to
sitten, as de minsken de nekslach jown waerde. It bloed fen Jan Binnes
hie hy lokkich net op syn gewisse, mar de triennen en de forflokkings
fen oaren woe hy ek frij fen wêze. Derom winske hy ontslein to wirden
fen syn affysje.

Sá stoar de patriot yn Geuke Ljibbes.... hy waerde wer in Fries.




XIII.


Helder lake de neisimmermoarn oer ’e bolwirksbeammen yn ’e âlde sted
fen Ljouwert op. It tearblau fen ’e loft, hjir en der oerkroesd fen in
wyt flanterich wolkje as in glimke oer ’e effenheit fen in kalm antlit
fol bisonkene mimeringsmoaijens, hie oan ljeaflikens woan, hwet it oan
kleurigens forlern hie, de earste fleagen fen ’e hjerstrein hiene alle
simmerhertstocht der út weispield. It telde nou fen frede, de greate
frede nei it kende geniet, de kalme rêst nei de heftige langstmerillen.
Alle fiere frjemde streamen, wit hwersanne wei, wierne nou yn ’e fiere
lokjende mar fen forfulling forroan. As in kristallene tsjelk, oerfol,
stie der yette de simmer to pronkjen, mar o sa nou en den, hast net to
bispeuren! kralen der in drip twa oer ’e rânne en foelen.... Yn det
fallen wie dea en dwesting.... in simmerblom, hwer gjin nije dei for
bloeije scoe.... in sinnestriel, hwer gjin nije dage for trilje scoe
oan ’e reade Eastereinder....

De beammen op ’t bolwirk stiene noch fol yn ’t bled, al roan der ris in
rodsigen ûnder, al foel der ris in foarbatigen ôf, de krunen rûzden
noch yn de winen en bigearlik dronken de bledden hjar spitsige tongkjes
de koele hjerstrein, as dy somwilen yn in stille nacht forkwikking
brocht. En o! ho ’n weelde wie der yn ’e hôven to pronk, ho’n
oerdiedigen weelde oan dy âlde tokken, hast to breklik sims om sa ’n
simmerfleur yn read en giel nei bihoaren heech to hâlden en to toanen
oan elts, hwa-t der niget oan foun. Ho skatteren de stokroazen hjar
felle kleuren tsjin in âlde wytkalke mûrre! ho stoofde de sinne de
lytse felettene drúftroskes oan in Súdgevel, hwer efter in latten hekje
fjûrreade moanneroaskes bloeiden!

It like wol in parradyske, det húske, sa forside en blombigroeid stie
’t yn syn blommen en strûken. Oan ’t stiennen paedtsje derhinne,
pronken sinneblommen, in hiele rige en ’e holders sieten der op to
gounzeljen en preauwne hunich, det it hwet diich en ynienen kaem der ek
in flinter oanfleanen, in skoenmakker en saeide der op del en stie op
syn ranke poatsjes wjukjeslaend yn ’t swart fen ’e noegjende sinneblom
as in kleurich fûgeltsje op in swarte berch syn sinnebiskynde keale
krún.... „Pake!” dreau in lytse jonge. En hja roanen beide hird en
stiene der by to sjen, dy moaije neisimmermoarn, wylt de dei syn nije
ûren hjar ûntjoegen, de bern mei ’t skrift en ’e pin nei skoalle
boarten, de húsman nei syn bidriûw gyng en de loaikert fen ’t bêd ôf
skonke.

Hja stiene noch foar ’t wytfarwe hekje, pake en bernsbern en seagen nei
de pracht op ’e wjukjes fen ’t skoenmakkerke. „Scoest him ha wolle en
scille wy him prippe op in spjelde en dy op ’t buiske stekke?” frege de
pake. Syn skerpe eagen wykten net fen ’e pronkjende flinter....

Bliide taslach lei yn ’t jonkje syn eagen.... hy scoe der sa mar op ta
en pakke him.

„Hui, hui, alles mei forstân en oerlech,” sei pake en hiel foarsichtich
teante ’r tichterby.... al tichter, al tichter.... „Flap!” sei ’r en hy
seach en sjoch, syn hân wie leech. De flinter fleach foart en sette him
gekoanstekkerich del op in drúftrosse, fierst to heech for
minskehânnen.

De lytse jonge raesde, stampfoette twingerich op de groun. „Ik wól him
ha en hwerom krij ’k him den net?” snokkere hy en sloech sa fûlbânnich
op ’e sinneblom om, det de stâlle rekke kniesd en de swiere moaije blom
sakke foardel....

Lyske-moi, in jierrich minske, kaem krekt ta de doar fen ’t húske út en
seach! en takseare de skea, mar hja knypeage der net iens fen. Hja koé
hjar foltsen.

„Myn hear!” rôp se oansjitsk, „en waerliken ús lytse poppe! Nou! nou!
hwet scil’ wy nou ha? Ik sei fen ’e moarn al, de kat slikket him sa mei
de poat oer de kop en ik seach in koets mei in pear skimmels, ik sei al
sa, wy krije bisite. Mar hwa scoe dit tinke kind ha! En gûlde hy om in
moaije blom, myn poppe? Hy scil de aldermoaijsten ha út it tún en in
readwangkje apel der op ta,” en hja naem de lytse jonge mei efterhûs en
hja kamen werom.... nou, de apels foelen him ta de bûsen út en rûggelen
it paed lâns.

Minhear fen Rhé foel as yn side. Bernehoeden wie min wirk en hy diich
it nou al sont seis wike. Joun scoe ’r lins krije, den gyng lytse
Henricus wer nei mem, den mocht ’r it lytse boarterke bisjen, it
sisterke, det mem meinaem hie fen de Wâldreis en noch folle mear,
poppebakken en taert en greate bofferts en in top for him en dy koe
spylje.

Sá hâldden se de lytse jonge yn lust. Moarns spile hy for bernefaem en
kuiere mei syn ginaemd de hiele sted yn ’t roun en middeis diene syn
Nelle en Sibbel it. Monsieur Poppéus foun himsels to heech for soks....
hy taelde net nei syn soan.... ja einliken ek net iens nei syn famke,
suchte fen Rhé.

Lyske-moi hjar skerpe eagen wisten der ek wol fen, hy lies deryn hja
tochte krekt itselde as hy.

„’t Is joun wer húswarjen by myn soan en dy’s,” sei hy. „Kinn’ jy,
Lys-moi? Wy bitrouwe it nimmen oars ta as jou en ’t popke is noch sa ’n
lyts harterke fen in wike ef hwet.”

„Honear moat ’k komme?”.frege Lys-moi dimmen, sa ’s yen past yn petear
mei de greaten fen d’ ierde. „Ik kin de lytse jonge ek wol op bêd
bringe en alles for inoar. Mefrou en dy hoege nearne nei om to sjen....
De kreamheinster is al foart fensels?” hifke se, in grisel loerjends yn
hjar âld, skel lûd.

„Ja,” nikte fen Rhé deftich,.... „wy ha jou ljeaver, det witt’ jy en ha
se mar sa gau mooglik foartskikt. Myn soan, monsieur Poppéus,” en
minhear fen Rhé sei it, as preau ’r hunich op ’e tonge.... „biskouwt
jou as de alderienichste fen ’e hiele sted, yn steat, om op syn bern to
passen.”

„Ik hoopje it my wirdich to meitsjen,” sei Lys-moi, it lûd fen suver
biskiedenheit sinke littend hast ta gefluster. Fen Rhé treau hjar hwet
ta.... it foel swier yn ’e greate bûs. Om hjar part mocht dy bidoarne
jonge noch wol tsjien blommen brekke. Blommen genôch, mar mieri,
sulverjild as kofje en piper sa djûr.

Hja sette gau in krom kofje en helle in fearn dúmkes fen Sam de joad en
lette en sette dy twa der wakker, det hja wisten hast fen gjin
foartgean. Der kamen bikkels op ’e lappen en in arke fen Noach, hwer
hjar eigen bernsbern ek mei boarten, as hja kamen, earme streuperts,
hast gjin fleis om ’e bonken en gjin klean om ’t liif en der boarte nou
dy greateljue’s jonge ek mei en hie likegoed syn formaek dermei as hjar
bernekriel. Hja strûpte him syn moai kyltsje efkes út en hy krige in
skjin skelkje fen ien fen ’e famkes foar.... nou hie hy better syn
tier, sei hja. It bern formakke him ta de teannen út yn it earmoedige
keammerke op ’e stiennen flier.

Einliks ûnder mâl gebalt moast ’r wer mei foart en de treast, det
Lys-moi joun by heites komme scoe en bringe him sels op bêd en det de
bikkels mei ûnder de wrine mochten, makke de lytse jonge wer hânnelber
en folchsum. Yn eltse hân in greate sinneblom pandere ’r neist pake
lâns, it lytse strietsje út wer nei ’t bolwirk ta. ’t Wie fierst to
moai om nei hûs en skadich ûnder ’e hege beammen, hwer noch simmermylde
heimsinnige flusters oerhinne waeiden.

Skippen sylden, de seils stiif fen ’e moaije koelte, yn it brede wetter
fen ’e stedsgreft, hy en de lytse jonge stiene der in set nei to sjen,
nei it bol-stean fen it wite seil, it draeijen fen it roer, hwer in
gouden roaske op glinstere, it keffen fen in snikwite kees boppe op in
fracht turf.... Den stiene se wer by in fisker en seagen, ho-t hy
ophelle.... in moaije foarn ef in sulveren wâldfamke, fjûrread fen
fintsjes, krekt as ’t bloeddrippen wierne en der ynienen, in grouwe
trijepouns snoek oan ’e heak, efkes twisken himel en ierde en do
sparteljend, de greate bek wiid iepen, op ’t gêrs. Do kroep de lytse
jonge efter pake....

Hja seagen de moaije mounle gean foar de wyn, de fjouwer roeden as
kreaze jiffers op ’e stap, op ’e stap! ien, twa, trije, fjouwer! en de
brune seils der bobbeljend oan, hymjend op ’e azem fen ’e winnende
neisimmerwyn, myld en aeijkjend en pake praette mei de mounler en hja
mochten yn ’e mounle sjen, al dy radtsjes en radden en toskjes en
kamkes, in wûnder wie ’t yn ’t berneëach en sa mar o hearlikheit!
skodde de mounler krekt in sek moal by de lytse jonge út en hy gûlde
fen plesier „snieman! snieman!” en hy biseach syn eigen moai en dânse
op en del, sa hie hy it nei ’t sin. En optlêst kamen se by ’t Saeilân
by de loadsen en stallen fen it Frânske hynstefolk.[1] Do waerde de
lytse jonge wer bang en kroep forside efter de lange jaspannen fen pake
en liet him lûke, dy-t oars foarút dribbele.

 [1] Earst waerde it hynstefolk as went de Prinsestallen jown, letter
 waerden der op ’s lâns kosten loadsen bouwd op ’t Saeilân, ien der fen
 wie 300 Ned. ellen lang. De Greate Tsjerke waerde in hospitael, de
 Galileïster en ’e Westertsjerke, der hâldden se forgearrings yn.

Der stiene de grouwe poepen, dy-t de swiere munitieweinen lûke moasten,
foar in fol rib to stinnen en hja seagen nei hjar mei de domme eagen
slieprich mar heal op.... in hiele rige wie ’t en hja frieten al den
dei for hûnderten fen gounen.... der trappelen de jonge lichte
rydhynsders fen ’e frânske officieren en oare hege oomes en skrabben op
’e groun om fen ûngedild en wylderigens.... en yn ’e fierte, yn in
ôfsketten hoekje, in oppasser derby, pûsten en sloegen de beide
goudfossen en de skimmels fen ginnerael Moreau, de oerste fen alles,
hwet der oan militair folk wie yn ’t Noarden fen ’t lân, al droech ’r
somwilen it bistjûr ek wol oer oan Gaspard Thierry.[2]

 [2] De beide ginneraels, dy-t Fryslân sa tramtearren, rekken letter
 raer oan hjar ein. Moreau fluchte nei Amerika, Pichegru hinge him yn
 1804 op oan syn bûsdoek yn ’e finzenis. Allebeide waerden se
 biskildige fen Napoleon, om war dien to habben, wer in monarchale
 staet fen Frankryk ha to wollen.

Hwet in moai gesicht, dit dûbbel span fen ’t allerealste bloed! de
kroeze nekken greatsk yn ’e bocht, de rêgen rjucht as in tried en de
fine poaten fen gjin spat ef bultsje bidoarn! Sa seach hy se faken
troch Ljouwert draven.... de greate karosse, skitterjend fen forguld en
spegelglês der skommeljend efteroan.

En moarn den dei scoe syn soan der licht wol ynsitte, syn soan monsieur
Poppéus en monsieur Coert Lambertus fen Beijma, om se to bringen nei de
Limmer en derwei scoene se de reis ûndernimme oer Amsterdam nei de
Haech ta, om der de twadde Nationale Forgearringe, útskreauwn for dizze
Septimbermoanne, by to wenjen as „representant” en bysitter.

Sjoch, der kaem de smid al oan, om it ûnderwirk fen ’e karosse nei to
sjen en ’e felgen om ’e radden. In great jonge, in smarselpot loai
slingerjend foar him út, smarde fluitsjend it swiere izerwirk. It fette
kliemsel dripte der mei greate drippen ôf, sa rij smarde ’r.... In lyts
frânsk feintsje kaem en wipte mei ien sprong op ’e bok en bigoan to
wriûwen en to wiskjen, oeral hwer ’r mar koe en hinge optlêst de swier
forguldene spegelglêzen lantearns yn ’e hâlders, nije kjersen deryn,
swevelstokken derby en song ûnderwilens in raer ondôgens frânsk
sangkje.

Fen Rhé kuiere mei syn lytse jonge fierder yn ’e stallen op. Eltsenien
gyng earbiedich oan kant, de measten sloegene oan. Nei de ginneraels
wie monsieur de Rhé nûmmer ien yn ’e sted, det mirken hja wol, as der
ris in baentsje to forjaen ef in foaike to fortsjinjen wie.

De lytse jonge syn eagen.... der bigoan optheden in wûnderlike
mearkewrâld libben foar to wirden. Al dy moaije hynsders! dy minsken yn
’t goud, yn ’t sulver! plûmmen op ’e hoed, mûtsen fen berefel op ’e
holle, goudene steken en houwdegens fen goud.... o hwet wie ’t
allegearre moai! En dy koets! dy koets!

Ried der de elfenkeninginne net yn nei de dwergen ta ef miskien,
miskien? kaem Sinte Klaes deryn út Spanje weiriden?

Syn hantsje trille yn pake sines en hy dreau him hastich de kant út fen
de koets.... Dit paste fen Rhé krekt yn syn „principe” fen opfieding,
it bern in ding sjen to learen, hwet in djippe yndruk op syn hert
meitsje moast en der den teffens in twadde yndruk oan fêst to knoopjen,
sadet sa allebeide onforwrikber yn ’e siele griffele waerden en noait
de iene wer fen de oare to skieden wêze scoe.

Hja stiene foar de koets.... it lytse skrale jonkje kaem noch mar krekt
oan ’e tichtklapte tré fen ’t petier ta.... Hy rekte syn halske al
wakker, as ’r ek in bytke der ta ’n yn sjen koe, mar ’t woe net lukke.
Licht siet ’r in lytse prinsesse yn.... Fen Rhé liet him betien....
stie hwet toside it oan to sjen....

De tsjoen fen in frjemde nije wrâld bitiisde it bern. It soune fen
Rhé’s bloed pûnde him oan ta ûndersyk en hy bisocht om de tré los to
krijen en falle to litten, sa ’s hy it Peter det wol hûndert kear dwaen
sjoen hie. De lipkes stiif op inoar knypt, sette ’r him to skrip.

De tré foel. Do loek ’r noch ris en de twadde foel ek. Yn in omsjoch
stie hy der op, de lytse beuker en rekte it meagere halske en seach yn
’e koets, der prinsessen mei rieden nei mearkelânnen ta. Ho wûnderlike
moai.... ho kostlik.... hy stoarre mar.... hy stoarre mar....

„Der scil heit moarn yn sitte en ride sa nei de Haech ta.”

„O!” sei it bern, oars neat.... Onforwrikber stie it op dizze amerij al
yn syn siele etst.... it scoe him syn libben lang bybliûwe en det wie
just pake syn bidoeling. De moaijste, de greatste dei fen pake syn
libben moast en scoe, al wie it bern ek noch sa jong, in oantinken
biwarje yn it bernehert....

Hy wonk de poetsfeint by de lantearns wei. „Doch it petier op en set it
bern deryn....”; hjitte ’r heech.

Der siet ’r nou, lyts en fyn en bloun op it readfewielen kjessen, sels
in hiel lyts onwesenlik prinske.

„Op dyn plak scil heit moarn sitte, krekt sa,” sei pake en pake sei
noait hwet, det net wier wie. It wie dochs wier, dit alles.... Hy
bifielde it fewiel en loek oan ’e noppen fen ’t biklaeisel en kroep
ûnder de sitselbanken en rikte nei de souder, hwer in moai lyts glêzen
lantearntsje oan bingele, fêst mei gouden ketlings en do wie ’r
foldien. Hy liet him wer út ’e koets glide en gyng stil neist pake
lâns.

Sa kamen hja einliks thús en founen beppe, tsjok en lyts foar ’t
kofjebled en der Sibbel by en einliks Anne, nei de kream fen it lytse
famke, noch moaijer, mar ek noch tearder. Fen Rhé waerd der kjel fen.
De lytse jonge klauwde hjar op ’e skoat, syn mûltsje stie net stil. Mar
aloan wie de koets op ’t rabat, de goudene koets, hwer heit yn ride
scoe, de koets mei de goudene fossen en ’e wite skimmels. De flinter,
de bikkels, de mounle en it greate plesier dêrre, det alles sonk wei
for dit iene: heit en de koets.

Anne glimke.... o det ljeaflike glimke! eagentreast wie ’t for fen Rhé
en hy koe ’t net litte, hy moast efkes hjar hân krije en patte dy
galant en hy ûnthiet hjar bliid in goudene hierbân mei saffieren for
hjar hier, om to dragen as in oantins oan ’e berte fen ’e ginaemd fen
syn wiif Pieternelle Emerentiana. Hja hie ’t sels sa ha wold en bineame
hjar eigen mem net.... fen Rhé bigriep it. De twang fen ’e boask siet
hjar noch as in angel yn ’t hert.... as in skaed stie altyd dy Ryklef
noch twisken hjar en hjar man.... It wie in heale ljeafde.... in dielde
ginste....

En do briek it ynienen út yn syn hert.... det wie nou foarby, it moást
foarby wêze! Ryklef Ripperda wie fen ’e baen.... noait scoene syn
foetten wer op Fryske groun stean, noait syn bretael-soune stap wer
troch Ljouwert syn strietten daverje. Dy opstân to Collum joech de
nekslach oan him en oan alle oare sondaers mei him. En as hy der goed
ynkaem, ja, den wie ’r lokkich optheden, sá lokkich, as ’r yette nea
west hie.... Hysels noch net âld, soun en geef, al pake fen in lytse
ginaemd, net yn ’e jildkrapte, gesien by in greate patty, al forfoeiden
oaren en hokfor oaren! him ek as de pest, alle plannen, dy-t fen him
útgyngen, goedginstich ûntfinze by it bistjûr en goed slachjend, as hy
se yn praktyk brochte en nou syn soan, syn ienichste! útforsocht om
Coert fen Beijma to biselskipjen nei de Haech ta en as dy troch syktme
ef sa bihindere rekke, nammens him oer Fryslân to sprekken en to
riedplachtsjen.

Hwet in dei! Hy wist suver net, ho-t hy him wol net postuere scoe, in
bliide onrêst kitele him ta de fingerseinen út en hy de kalme,
ynfierene fen Rhé, noait út ’e ploai, lake in reis twaris lûd en bliid.
Syn wiif seach Anne oan en dy hjar.... kaem heit yn syn twadde jeugd?
Al wie syn hier ek piper en sâlt ûnder de prûk, de strange eagen,
oerbôge fen ’e swiere eachsbrauwen, stiene noch skerp fen útkyk yn ’e
kaskes en op ’e fleisige wangen lei noch it soune read fen in sterk
lichem, noch net wrak ef fen in faei steed ta in ontiidige dead
forfallen.

Anne glimke efkes hjar heimsinnich glimke, de skimer fen twa swiete
dobkes yn ’e wangen en yn ’e greate blauwe eagen eat fen blidens, eat
fen wémoed en dochs altyd, hwet it den ek mar wêze mocht, eat fen
bitsjoenende ljeaflikens.... Hja tocht om joun, ho-t it wêze scoe....
joun....

Hja wist hjarsels jong en moai en al sei Popke it nea, oaren flusteren
it hjar faken yn ’e earen.... Liet him onforskillich wêze, hja ljeave
harpelûd, det lokke en as de iene it ystremint net goedernôch bispylje
koe, den licht in oaren ien.... En hja tochte om in slanke manljueshân,
kreftich en dochs sêft mei hiele lange spitse fingers, hwaens greep
allinne al in hearlikheit wie. Dy woe se joun fiele.... det lûd
hearre.... hjar waermje oan de gloede fen dy frjemde, jonge eagen, hwer
in waermer sinne yn skynde as de flauwen fen Poppéus, hjar optwongen
man, de boargerman, de plebejer.

Ho langhalze se nei de ljeafde! Hwer wie dy? ho wie dy? Alle greate
dichters songen der fen, alle greate geesten sinspilen der op! O dit
libben wie allegear sa forfeelsum, sa dea! De deirin yn ’e lytse sted,
dy bleke man altyd om hjar hinne, hwaens tinsen dochs nea thús wierne,
mar altyd op ’e doele yn ’e frjemdte, it gesanger fen ’e bern en ’e
boaden om ’e earen en it geskoai om bûssinten for rûkersgûd en linten
en flinten, dy-t Poppéus mei húnske wirden en tametten mjitte joech. As
skoanheit der net west hie en hjar aloan en alwei stibeleare en it
beurske folpropte, hja hie wis eltse dei wol ris ienris swime moatten.
Nou hoechde it net faker as wyks ienris!

De dei, de moaije dei! forroan ek al wer en ebbe nei de joun as alle
dagen. It moide fen Rhé hast, al joun nou.... al joun. Ja, der kaem al
in greate stjer oanfonkeljen yn it blau fen ’e loft der dreauwne noch
in pear goudkleurige wolkens en in soele jounwyn waeide troch ’t tún,
suver noch simmereftich, mar it waerde dochs skimerich en kâld.... De
dagen koarten hird....

Peter stiek de kjersen op yn de sydkeamer, der sieten se nou to
jouniten en hy hearde de oare boaden drok omskrippen yn ’t seal en de
bykeamer. Hûsrie waerd forset, finsters ticht dien, de izers op ’e
blinen hekke. In fine, smaeklike geur fen feest roek min yn ’t hiele
hûs om, fen blommen yn hege fazen op ’e skoarstienmantel en frjemde
útlânske geuren fen lodderein en múskes út sierlike frouljuesklean....
Syn bloed bigoan flugger to polskjen,.... hy fielde him, as wie ’r wer
fiif en tweintich en moast it libben, it lange libben, yette bigjinne!
Noch lei it foar him.... noch wie der gjin wissichheit fen net ien
ding.... alles noch hoop en onwesentlik lok.... O dy ljeave jonge
dreametiid.... as nei de fiif en tweintich jier de skied bigjint, hâldt
alle illusie op en gjin macht op ierde forlost de minske den wer út it
kleaster fen ’e boargelike maetskippij, it ambt en de binyptens fen it
húslike foarmidden. Frij! frij! gjin minske wie ea frij, mar optheden
dochs.... hy fielde him mear as frij.... hy fielde him lokkich....
troch alles hinne lokkich en tofreden.

Alles wie him nei ’t sin.... hysels.... syn wiif, syn jonge.... syn
posysje en ek syn hûs. Det wie optheden wol op ’t aldermoaijst ta eare
fen Poppéus. Hy hie himsels de weelde tastien fen swier, nij húsrie yn
’t seal en donkerreade sidene gerdinen, ho lang al de sielewinsk fen
syn wiif! derby en de mûrren hiene as bihang sulvergrys velours
d’Utrecht krige, alles stemmich mar ryk. It koe nou, it gyng alles út
’e brede fjirtsjin, hwent syn baentsjes leine him gjin wynaeijen, hy
wie ’t jild ek net gram. ’t Scoe ek al slim wêze, as hy der mar in lyts
krom for barde, dy-t tichtst by ’t fjûr sit, waermt him ommers ’t bêst
en hy siet der ticht by, sims barnde ’r him hast de teannen, s’as yn
Febrewaris, do-t it ek ris wer hekke hie en hy hast tocht, nou syn
possenaesje útspile to habben. Mar it lotte oars út. Him hiene se net
kitst, omt Moreau en Noël it ûnder dúmkes mei him hâlden, mar de measte
oare Jacobijnen foelen as bâlstiennen yn djip wetter. Him doarsten se
net oan.... him, dy-t de partij hjir makke hie ta hwet se wie en se
noch fierder bringe scoe. Dy-t Fryslân njúd en gesachlik meitsje scoe,
det it willich roan yn ’e sylbeage efter in hollânske foarman oan....
in lytse, swakke „provincie” en neat mear as det!

Hwer scoe det ek ta liede, om hjar eigen baes bliûwe to wollen, hjar
eigen jild to fortarren en der in eigen regear op nei to hâlden, hjar
der sa útkippe to wollen mei in eigen selsstânnigens. Healwizer koe it
wol net! Unifoarm moast alles wirde.... ien wet, ien rede, gjin gelove,
ien plicht for alle lânnen en net mear dy tobrozeling folgens lânaerd
en gelove, folgens hertsbigear en in tael folgens sielsbigear, sa ’s
guont ljue djipsinnich seine. By de toer fen Babel praettene se alear
ek ien tael, der moast it wer hinne. Efkes gnyske ’r, syn hiel spitsich
foksegesicht ien grimas, do loek ’r it antlit wer yn ’e gewoane ploai
fen deiseffenheit en ynfierene greatskens.

Hy gyng stadich nei ien fen de greate damspegels ta yn ’t seal en
biseach himsels ris. Hwa scoe ’t him oansjen, det ’r al pake wie, tocht
’r greatsk. De rêch noch rjucht en steil, de reafalligens fen ’t antlit
noch skerper teikene troch de wite nije prûk, prachtich opmakke mei
geurige poeijer fen monsieur Pierre, de nije frânske coiffeur, en de
nije rôk, de pannen mei swiere risselside fûrre, siet him hwet krudich
om de lea. Hy stiek de skjinne bûsdoek yn ’e bûs, naem noch in snufke
út ’e gouden snúfdoaze, in forearinge fen monsieur le général Pichegru
en joech him do stadich nei ’t seal en hy fielde him as in kening, dy-t
hjoed for ’t earst de swiettens fen ’t regearjen ris priûwt. Gjin
wolkje oan ’e loft, gjin skeel, gjin argewaesjes! Hwet wie it libben,
dit libben, dochs de moite wirdich, om libbe to wirden!

Sa drupkjende wei kamen de gasten, earst de jonge luitenants en hjar
dames en aloanwei hegere hearen en frouwen en optlêst, ho wiid waerden
de doarren opsmiten en ho fluch wierne se allegear oerein.... le
général Moreau! Ja wol waerde him eare tametten op dizze joun,
bûtengewoan!

Tomûk seach ’r ris nei syn soan, fielde dy det nou ek sa? Det heit en
hy optheden sa yn top fen oansjen wierne, as stiene se op in berch!

Mar Poppéus, kâld en onforskillich as altyd, tocht om neat fen soks en
socht deagewoan formaek by de jongerein, hwer dom gegniis om flauwe
grappen skearing en ynslach wie. Nei syn bigroeting fen Moreau seach
min him net mear yn ’t hillich herntsje fen de ljue fen gesach. Hy stie
nou yn ’t foarmidden fen in rountsje fen jongefammen, syn bloun,
gledboarstele hier stike fier boppe de donkere en swarte kopkes út en
sims bûgde ’r him det djip oer nei ien inkelde.... Det scoe Madeleine
Benier wol wêze, it jonge wyfke fen ien fen ’e luitenants, der ’r heech
mei weiroan.... Nou, it wie den ek in pronkje, efkes flikkere der in
wjerljocht fen heftich bigear selst yn syn eagen en hy draeide him
gysten om, de Eva’s lokkinge greatmannich út ’e wei geande.... En op
itselde stuit waerde syn oardiel oer Poppéus mylder en fordraechsumer.
Hy wie ommers ek noch sa jong! de stryd twisken fleis en forstân scoe
op den duer wol saksearje en brûzde by de âlde, greate geesten de
libbenskreft ek net altyd heftiger as by in gewoan minske? Wierne
Goethe, Nelson en safolle oaren der ek gjin foarbyld fen?

En wie Anne der net? It feilige anker fen in ljeave húslikheit for it
swypkjende skip op ’e wyldramende libbenstwirren? Anne, nei Poppéus him
de dierberste fen al syn sibben? Anne, hwer hy fen hope, hja mocht him
oan ’e ein fen syn dagen ta meihelpe en hâlde Poppéus yn ’e biwende
maetskippelike banen? En syn eagen opskerpjend kipte hy se út de oare
moaije frouljue wei en bigoan to forgelykjen. Hja koe ’t hâlde tsjin
elkenien, der wie gjinien moaijer, fynder, aristocratysker as hja. Hja
droech in jurkje fen pesleinblauwe side en der sulveren blomkes op
binaeid, de mouwkes hiel koart en de prachtige blanke earms frij to
bisjen for eltsenien, dy-t der mar sin oan hie. Sa ’s se der stie, like
it suver noch in jongfamke, allinne om de mûle, der loek sa ’n spitich
fâldsje.

Nou seach ’r se net mear, in jong luitenant spriek hjar oan, ien fen de
ruters út it gefolch fen ginnerael Moreau, baron de Noailly hjitte ’r,
miende ’r to witten. In kreas kant jongkearel wie ’t en hy slûpte hwet
tichterby, om as ’t koe, hjar to biharkjen, mar krekt bigoanen hja to
dânsjen en mei hwette as isegrym seach hy de biwonderjende loaitsen fen
’e greate, slanke dânser, peiljende it djippe, suvere blau fen syn
dânserke. Hja glieden foarby, ienris, noch ris.... it joech him in prip
yn syn hert. Hwet wie dit.... hwet scoe dit wirde kinne....?

—Ik bin sa wis fen Anne as fen mysels—sei ’r heallûd ynienen en seach
kjel om him hinne. Ja wol wis.... Anne hie net om ’e nocht âld Friezne
bloed yn de ieren. Noait de trou skeine.... noait en to nimmer de trou
oan ’e man en it folk.... oan it dierbere lân....

Der gyng fen Rhé in lytse kâlde rille oer de lea. En hwet diich hy?
Hwet hie hy dien? Forkoft ’r net for in judaslean syn lân? dochst it
net for in goudene snufdoaze, hune de kweageest yn him, for in fet
baentsje for dyn stoaterse jonge.... for in greate pong fol jild? Elts
en alle ding is omkeapber, ast de priis mar wiste, hune hy noch
lûder.... en dyn priis wie in bedroefd lytsen ien! Hwet wiestû gau yn
dubio! hwet wiestû gau biredt!

In pear hastige stappen yn ’t gewoel, de kweageest swijde. En it feest
gyng syn gong. It waerde ho langer ho fleuriger, de wyn streame, de
hollen rekken oerstjûr, it forniske fen ’e biskaving skulfere der by
lapen ôf en de minsken lieten hjar gean en fortoanden hjar yn hjar
wiere steat. Foaral de jongerein rekke alhiel los, fierst to mâl,
lokkich, it wie yn in bisletten hûs en syn boaden koene swije as
bychtprysters, mar ’t wie ek net to hoopjen, as der hwet fen oer ’e
streek kaem, ho-t hjir joun feestfierd waerde. Noch nea hie hy sa hwet
bilibbe! Och, it kaem fen ’e nije Frânske geest, dy wie losser, frege
mear libbensgeniet, diich, sa ’s it fleurich, oerdwealsk sin mar
ynjoech. Hwet wie der de stive fryske ynbânnigens by, dy-t as efter de
slettene doar altyd en ivich syn fieling bigrindele. Hja songen, hja
dânsen, hja praetten hjar út, hwet hjar op ’t herte lei. Mâl gyng ’t
sims.... heal liet ’r him ek noch fen dy wylde wieling meilûke, heal
hie hy der in wjeraks yn.—

It dûrre ta let yn ’e nacht.... einliks rekke it seal leech en âlde fen
Rhé, snoaden kânsbirekkener, hie syn trouwe mantsjes al klear stean, om
guont, dy-t net al to fêst mear op ’e skonken stiene, thús to
bisoargjen. Poppéus wie nearne to finen en galant liet ’r de karosse
foarkomme en brocht sels Anne, lytse fé yn in sulverbrokatene mantel,
thús. Him eange in oaren ien, dy-t der ek net fij fen wêze scoe en
jonkheit en fjûr op ien hird, kin in rare lôge jaen.... en Anne yn hjar
ûnskild wierne de wjukjes allicht al earder sinze fen in brân, eart se
it wird brân selst ek mar bigriep.

Hja liet hjar spitigens net skine, prate gewoan en hy biskildige
himsels.... och it hie allegear forbylding west.... hy wie in âld
man.... in stumperige, spûksjoggerige âld man. Mar frouljue bliûwe
frouljue en dy-t se ljeafhat, hâldt se yn ’e kiker.

Nou siet ’r allinne yn ’e karosse, hastich ried dy oer ’e hobbelige
balflinten. De nachttsjustere sted lei der stil foar, gjin lûd makke
him mear kenber, gjin minske wie mear op in paed.

De moaije dei, hast ien fen syn aldermoaijsten, wie foarby.... syn siel
al dwaende, him as oantinken yn syn heugenisse for altyd to
bimitseljen, tocht ’r in bytsje mismoedich.—

En nou hjoed, de dei fen hjoed, gyng syn soan monsieur Poppéus de Rhé
mei monsieur Coert fen Beijma nei de Nationale Forgearringe yn ’e
Haech. It wie him great, dizze dei bilibje to meijen, dizze dei, dy-t
de kroan sette scoe op syn wirk as heit en opfieder beide.

„It hat joun wol mear as tûzen goune koste”, suchte syn wiif yn ’e
weach, do-t hy nei hwet omgeskermesear ek de swiete rêst socht op bêd,
....„wol tûzen grouwe gounen.... Hearst, hwet ’k siz, Henricus?”

„Al kostet it ek de helte mear, jow dy mar del, Nelle. ’t Is ’t praet
net iens wirdich. Dizze dei hat my wol in kaptael wirdich west.” En hy
seach goedlikswei nei hjar âldwyfke antlit ûnder de greate nachtmûts
fol stroken en strikken.... suver fammige fol en fleurich like it
antlit noch nei dizze joun fen freugde en frolikheit.

Sa wie dizze greate dei syn einbeslút.

De oare moarne om tsjienen rieden se foart. Foar de harbarge „de Falk”
stiene de karossen klear en de ruters fen ginnereal Moreau as in
eare-escorte yn great tenue. Der wie in bult folk op in baen, in hiel
akkefytsje for de rinteniers en omstoatskavers, dy-t oars neat to dwaen
hiene as alles nei to sneupen en op to strewearjen, om det den letter
by in swiet pantsjefol kofje noch ris wer oer to eidsjen, ho en
hwennear en hwersanne it west hie.

Monsieur Poppéus, deftich yn ’t swart, de stôk mei gouden knop yn ’e
hân en in swiere portefeuille ûnder de earm, kaem der stadich yn ’e
stúdzje wei oanstappen, de Sint Japiksstriette wei út oer it pypke.
Slap en langliddich as ’r wie, roan ’r hwet foaroer.... it joech syn
gong it bisonder apparte, it aristocratyske, hwer heit sa mei weiroan.

Hy stie by ien fen syn frjeonen to praten en seach syn soan sa
oankommen.

„Dit ’s wol it moaijste, hwet in âlder bilibje kin”, miende syn frjeon,
in echte hunichstriker.

Alde fen Rhé sei neat.... hy koé net en hy nikte koart en koel. It folk
seach der op ta en det hoechde nea to witten, ho-t de heechheit fielt
en hjar postuert by bûtengewoane gelegenheiten. Poppéus diich krekt, as
gyng ’t him allegear net oan, hy bûgde foar de oaren en gyng as
alderlêste nei syn heit ta, like koel as altyd en joech him in slappe
hân. Mar âlde fen Rhé knypte tá. Efkes woe ’r it bloed fen syn bloed
fiele, innich forbân habbe mei dit syn ienichst, leard en heech
biwittenskippe bern.

„Goede reis en kom bihâlden werom”, sei hy en koe syn hân hast net
loslitte. Poppéus gnyske efkes smeulsk, stadich loek ’r sines út heit
syn waerme triljende.

„’t Is gjin sémansreis”, sei ’r hwette spotsk. Alde fen Rhé krige in
skrik, diich ’r flau? Syn antlit forstive ynienen ta koele bileefdens
en mei in koarte, nidige nik joech ’r de koetsier de wink, do-t it
petier efter de beide manljue tichtfallen wie.

De hynsders setten ta, de stringen stiene spand, de moaije skimmels,
hwer lytse Henricus jister sa ’n eachweiding oan hawn hie, sloegen it
fjûr út ’e flinten. De goudfossen diene ek in hoart twa.... krêkjend
kaem der biweging yn ’e swiere karosse.... Ruters foar, ruters rjuchts
en lofts en in stik ef tsjien der efteroan....

In wolken fen stof fleach op.... yn flugge draf gyng ’t de Wirdumer dyk
lâns, op de moaije iensumheit fen ’e griene greiden en ’e blauwe loften
yn, oer Snits nei de Limmer.—

Sêd fen lok kuiere fen Rhé nei Anne en bleau der to kofjedrinken en to
neipraten, lytse Henricus op ’e knibbel. En der yn ’e widze lei nûmmer
twa to spinfoetsjen, it lyts famke, det him nou al krekt Nelle hjar
evenbyld talike, ’t lyts prûkje hier sa swart en de eagen ek hiel
donker, as hja se efkes opdiich. Hy takseare it widzekleed en it kleed
om de bakerkoer, alles yn ’e es, swier readsiden demast, krekt sa ’s hy
it ha woe en hy treau Anne tomûk in doaske yn hânnen: „detst net
forlitste, nou ’t Poppéus foart is”, sei ’r en hy wist, it siet optaest
fol fen goudgounen. En optlêst dronk ’r der noch kandeel en hy
biöardere Lys-moi, om der noch in fjirtsjin dagen to bliûwen, hwent
Anne moast ris foart kinne en net om ’e bern thús hoege to bliûwen. En
Lys-moi hjar bûs tynde út as in boffert, hwer de rees yn sit fen saun
aeijen en in healfearn gest. Sûnder, det Anne it bisefte, krige se in
skildwacht om ’e doar, dy-t gjin wissewasje ûntgyng.—

De moaije hjerst roan to ’n ein, de rein kaem der daverjend oanriden op
’e weinen fen ’e swiere wolkens. Dead en fordjer oeral.... net ien fen
de teare moaijichheden, dy-t net skeind waerde fen de wrede swypslaggen
fen de Westewyn. Fen Rhé fielde him âldmannich en huverich en siet
klûmsk by it houtfjurke yn ’e efterkeamer en seach de fonkjes nei, ho-t
se dânsen en knetteren en dôven op ’e gledskjirre hirdplaet.

De freugde fen syn dagen brochten de forslaggen, hwet der forhânnele
waerde op ’e Nationale Forgearringe. As ’r de postwein daverjen hearde
op de Wirdumer dyk, it Súd út wei, joech him det in bliide skok en ûren
foartiid wykte ’r net mear út ’e sydkeamer wei en naem, in bliide
rydling yn ’e hân, it swiere pak oan fen Peter en joech gol de bringer
boppe de fracht in rejale braspenning for in swiet sûpke. En den seach
min him yn in skoft net wer. Hy bigroef him as in mol mei syn skatten
yn ’e waerme keamer. Syn wiif soarge for syn wiet en droech, somtiiden
kaem ’t net iens oan ’t opiten en drinken ta. Hy naem optheden biten
fen in swietter foerring, dy-t him stibelearen, as nea oar fied it
smaekliker en streksumer dwaen kind hie.

Sa kaem de lêste dei fen ’e forgearringe, dy waerd sluten en oer in
pear dagen scoe Poppéus thúskomme en koene se neiprate oer dit alles.
Ho-t se der sims tsjierd en inoar yn ’t hier hinge hiene, dy hearen
representanten, omt elts for master opspylje woe, ho-t Coert fen Beijma
smeule doarst op alles, hwet mar mei det forflokte prinselik hof ef de
femylje gearhinge, en inkeld, hiel seldsum, hiel biskieden en dochs
manlik en op ’t stik ôf, ho-t Poppéus ek hwet sei hie. Poppéus, syn
soan. It wie net folle noch.... och, hy wie ek noch jong, alhowol hy
syn paed skjinmakke hie as de bêste, mar hwet ’r sei, snie hout. Min
moást him markbite, min harke nei him, liet it yn yen omgean en sa
waerde de earste triemme fen in ljedder nei in nije steat opkleauwn. As
der mar ien skiep ropt fen bê! den raze alle oaren ek wol mei, sa is in
minske nou ienkear en hy hie Poppéus yndroege, rejael yn ’t jild útjaen
to wêzen, net op in sint mennich to sjen, iters to noegjen sa nou en
den yn ’e harbarge „De Steds Doelen”, hwer hy thús lei en wyn en
toeback net to sparjen.

Hwet scoe der in neipraet wêze! ho ’n bûsfol nijs!

De rein hindere him net en it droeve gean fen ’e neisimmer nei it
tsjerkhôf fen ’t wyljen, noch it gesanger en gespartel en geëamel fen
’e ljue, dy-t de bilêstings to heech founen en der him sims rare
brieven oer skreauwen, noch it sneuë gesicht fen Anne, dy-t hast nea
thús wêze woe en jeuzele, hja siet altyd mei dy twa bern oantangele en
koe ek net nei greate gearsetten ta, omt it joech gjin foech, der
sûnder Poppéus hinne to gean, sei se snibbich op in joun, heal gûlende
wei. Hy bigriep it bêst, de skoech knypte hwerearne oars as op ’t krop,
hja miste de gelegenheit om de Noailly to moeten en fen forféling woeks
de langstme geweldich, dy-t oars miskien al lang sakseare wie ta in
fluchtich neat ef oan kant skouwd wêze scoe for in oar tiidfordriûw.

Fen Rhé harke der mar heal nei, do-t se op in joune wer kaem to
kleijen. Hja siet opsluten en for Poppéus wie alles, setten en pretten
by de fleet, alles, hwet it hert mar bigearde.

„Nou, nou,” susse fen Rhé, „in wiif heart ek thús. Dû hast de bern, in
moai hûs en bist it wiif fen ien fen de oansjenliksten fen ’e sted. Min
kin ’t folmakke net bigeare. Dû scoest dy deljaen en wêze bliid, ast
hearst, ho Poppéus syn paed skjin makket.”

Anne loek oan ’t fyn noaske, seach prot en bleau prot en gyng betiid
foart. In swym fen hjar swiete lodderein bleau noch yn ’e keamer
hingjen, fen Rhé snúfde ’r wolfoldien hwet fen op en glimke fyntsjes.
De Noailly hie ’t bisocht, hie ’r wol mirken en út Anne hjar wirden
makke ’r op, ’t wie mislearre. Poppéus moast nou mar gau thúskomme,
tocht him en hy skreau him yn ’e blydskip fen syn hert in great brief
en foege der oan ta, Anne hwet moaijs mei to nimmen, itsij in lape
side, frjemd fen stael en fen it alderbêste ef in waerme pelysse for de
winter. Hy moast mar ris sjen.... heit sei goed for it jild. En hiel
ondôgens sette ’r ûnder hwet yn it brief, hwer Poppéus grif om laeitsje
scoe. Hy lake komselden en dochs wie syn laeits, de prachtige wite
tosken bleat, sa geef as kryt, in lokking for alles, hwet fromminsk
wie. En de lytse swarte Française kaem him yn ’t sin, madame Benier
lêsten jouns.... do koe ’r laeitsje, mear as ienris.... En do-t dy
dames der wierne út Amsterdam.... ja.... do ek. Do koe ’r prate en
geestich wêze en charmant.... hy hie him suver bisoud oer Poppéus.
Krekt as waerde der mei in lyts, skerp meske efkes in feechje dien yn
syn hert. lt diich sear. Op dit stuit woe hy wol, det alle frouljue ta
de wrâld útreage waerden.—

Einliks kaem it lêste forslach fen ’e lêste dei fen hjar fortoef. Fen
Beijma en hy scoene noch in pear dagen bliûwe, den kamen se wer thús,
skreau Poppéus koart en sakelik. Der koene noch in pear dagen by komme,
omt hy woe ek noch yn Amsterdam oan.... it wie nou dochs ien reis.
Letter scoe ’r noch wol tynge stjûre. It wie allegearre sa koel, sa
kâld ditte, krekt as hâldde ’r yn syn waerme hân in grou stik kâld lead
do-t hy it lies en den einliks de groetenis for allegearre en ek oan
Anne.... it wie by ’t onfetsoenlike om ôf. Hy moast it hwet bihimmelje
en sizze Anne net krekt, ho mâl as ’t brief wol wie.

Sels kuiere hy de oare moarne nei de koekebakker ta en bistelde in
moaije taert fen confituren en mealde mangels en liet dy bisoargje by
syn skoandochter as de foarboade fen in bliide tynge en yn skimerjoun
gyngen hy en Nelle der sels hinne, om Poppéus syn boadskip, hwet
oannimliker makke, oer to bringen en de taert, de foarpret, mei op to
plúzjen.

It hoarntsje wie noch kniesd, Anne ûntfong se koel. Henricus lei al op
bêd, swiet sliepte ’r, it mûltsje heal yn ’t kear en de kroltsjes fier
oer ’t foarholtsje. Alde Lys hie Nelle op ’e skoat en dy raesde en
spartele wakker foar de waerme bakerkoer, hwer al in komfoar mei fjûr
yn stie. In swiete geur fen spaenssjippe hinge yn ’e greate keamer en
dochs roek min der boppe út de pittige rook fen bêste kofje. En Poppéus
kaem him yn ’t sin, ek ienkear sa lyts, ek ienkear in lyts bihelperich
harterke en syn wiif, in jong memke fen twa en tweintich jier....

Hy sei syn boadskip en Anne andere, hja wie bliid en bitanke for de
groetenis. De wirden wierne bêst en goed, alhowol, de toan, hwer se op
sei waerden, stie fen Rhé net oan. Anne hâldde in min sin, it petear
woe him ek net flije nei in sellich en smout wikselwird.

Hja gyngen derom al gauëftich wer nei hûs yn ’t moaije stjerheldere
waer. It wie noch suver waerm nei de reinige rite en blokstil. Moai
waer for Poppéus om oer de sé, tocht ’r, miskien wie ’r nou wol
ûnderweis. ’t Scoe him nij dwaen, hwet ’r Anne meinaem. Hy scoe him
yetteris goed ûnderhânnen nimme, Anne wie wirdich, om in trouwe man to
habben. Och, mar hwet docht in âlder tsjin ’e wylde hierren fen syn
bern? Kin ’r it minne steed út it carakter snije, sûnder eat oars to
bisearen? Hy waerde der suver mismoedich ûnder, nuver, dizze hiele
joune hie hy syn moed net en wie sa bidrukt as wol noch nea yn syn
libben. En Nelle dribbele neist him lâns, sêft fen stap op ’e
everlasten skoen en liet him ek mar mei syn eigen soargen oanpiele. Hja
sei neat.

„Bist net fluch?” frege ’r optlêst. „Dû bist sa stil det.”

„Ik fiel my raer,” sei se en hjar lûd klonk heasich en skriemerich.

„Jow my in earm. ’t Scil wol de foroaring fen waer wêze, dy-t ús yn ’e
lea sit....”

Hja hinge oan syn earm, swierder as oars en it bigrutte him. By it
ljocht fen in lantearne bleauwne se efkes stean. Hja makke in pear
hekken en oesen fen ’e skoudermantel los.

„Doch noch ien los,” rette hy. „De gaspen hâlde him wol en sa is ’t
frisser. Hast de kielbânnen fen ’e kyps ek to fêst?”

De prachtige juwélen fen ’e mantelgasp skitteren wûnderlike moai yn ’t
lantearneljocht en de lange earbellen spilen ek net swak by. Dy wierne
hast noch moaijer, Rio’s sûnder ien skaedplakje. Hy hie se Nelle jown
as in forearinge by de berte fen hjar soan, dy-t in ienling bleauwn
wie, al hie hy der noch graech in pear sokke bûslittings for oerhawn,
om de widze noch ris wer roeikjen to sjen.

„Saksearet it wer hwet, Nelleke?” en yn syn lûd wie hwet fen alear en
lang lyn.... Fen roazegeur en in stille ljochtmoannejoun en in priëel
by hjar âlden thús, hielendal yn ’e kamperfoelje biskûle. Ho hearlik it
tobinne bringen....!

Hja bigoan al sleauwer en sleauwer to rinnen, hy droech se hast, sa
hâldde ’r se. „Raer gesteld bin ’k fenbinnen, krekt as knipe se my de
kiel ticht,” hime se en hoartende wei kamen de wirden der út.

Hwet wie hy bliid, do-t hy se thús hie en yn ’e koele, frisse keamer op
bêd. It finster stie noch op, de frisse jounwyn waeide ’r ta ’n yn en
de geur fen lette blommen. Hy seach de frânske kroanen blinken yn
ljochtmoanne en in pear lytse fûgeltsjes kopke oan kopke, sliepen op in
tokje fen ’e keale kastanje.

De oare moarne, do-t hy syn bolwirkkuier diich, lytse Henricus en de
greate wynhoun mei as selskip, hearde ’r, fen Beijma wie sont in dei ef
fjouwer al wer thús en dy-t him fortelde, gnyske efkes. In skaed fen in
gnyske wie ’t! In oarenien hie ’t net iens sjoen, fen Rhé, gefoelich yn
alles, hwet Poppéus oangyng, seach it en ’t pripte him. Wist dy man al,
det Poppéus nou optheden noch omswindele yn Amsterdam? wegen gyng, hwer
min net sjoen heard to wirden? Hy knypte de fingers ta brekkens ta yn
’t weak fen ’e hân yn opstânnich forset!

Dy jonge! dy jonge! Koe hy, de heit, Henricus fen Rhé, mânskernôch om
hiele Fryslân ûnder de kwint to hâlden, dy jonge net interje? net yn
bitwang hâlde, det ’r rjucht troch gyng, sydwegen skou?

Hy koe wol gûle fen onmacht en spyt fen ’e moarn en lytse Henricus
jeuzele al sa en stroffele hy me der net en foel him in smartlape op ’e
knibbel! en de houn fleach in oarenien oan en det gyng om dea der sa
mar ynienen op ’t Waechsplein. Hy hie gjin stok en moast it mar
oansjen, det dy oare Leo nei de strôt fleach en de skerpe tosken yn ’t
moaije wite hier sette.

Do kaem der sa ’n kearel oan, in grou kneppel yn ’e hân en dy barnde
der op yn. De beet fen de iene waerde efkes losser en koart biredt
pakte ’r yn ien taest de fûleinichste houn by ’t nekfel, skûrde him los
en smiet him mei in geweldige saei oer ’e flinten. It bloed spatte der
nei. In ôfgrys wie ’t.

Fol argewaesje seach ’r, dy sterke kearel koe ’r.... it wie Haeije
Trompetter, dy smycht.

Stilwei joech ’r him ôf, Leo, slûkstirtsjend, kreupele him efternei.
Alles mâl fen ’e moarn.

Dy middeis skreau ’r Poppéus wer in brief, it wie in dreigemint. Nelle
lei op bêd en de doctor sei, it wie neat as sénuwen.... Rêst en gjin
swierrichheden úttinke, den wie se gau wer klear. Derom praette ’r net
oer it brief en net oer de ontmoeting fen ’e moarn. De kop der mar foar
hâlde allinne, hy koe dochs wrachtsjis ek noch wol sûnder de sêftens
fen frouljuestreast.

Hy rekkene út, Poppéus koe it brief yn twa dagen ha yn syn loosjemint
to Amsterdam. Yn ’t lêst fen ’e wike kaem ’r, as hy dit brief lies,
thús. Der wie gjin mis op.

Hy bistelde de ekstrapost for de Saterdei’s en ried sels nei de Limmer,
om him ôf to heljen en ’t leksum optslach op to lêzen. Thús harke Nelle
oan ’t slotsgat en den gûlde se, as hy ’t to bot makke en by Poppéus
thús siet Anne op ’e loer, yn ’e wein hie hy gjin mot om ’e teannen en
der scoe hy him ’t leksum oplêze en net sunich ek. En oars
minderesearje scoe ’r, heite talage mar ris kwyt, op wetter en brea yn
in lyts húske.

Hy makke him sa lilk as in spin. As ’r ek net sa sterk wie en sa geef,
min scoe der wol in biroerte fen krije kinne, biklage ’r himsels.
Slingere twisken hoop en freez, kúrde ’r oer it wiide freedsume wetter.
Hjir en der in kroes weachje as in sulveren fiskje, djoeijend op en del
yn ’t grysblau en de frisse séwyn mei syn sêfte twirren him hwet koelte
tawynderjend oer ’e hjitte wangen. Sá stie ’r der en seach út nei syn
soan, in frjemde mingeling fen forlangst en forbittering yn it hert.
Do-t hy lyts wie, trape ’r him somtiiden op ’e teannen, scoe hy ’t nou
to ûnderstean doare en traepje him op it hert? det hert, det yn eltse
tik dochs mar allinne libbe for him?

Stadich kaem it skip der oansilen foar it Westersigentsje ôf. De seilen
stiene mar efkes bol, it abbeseare net folle. De oare minsken sieten
bidaerd op in bank der nei to sjen, hy koe ’t sitten net féle, hy moást
rinne, biwége, hwet dwaen al wie ’t den mar in krobbe dea to slaen,
dy-t yn ’t sân omskarrele. Hja libbe noch efkes, stiek de poatsjes
krûpende út, do sloech ’r sá ta, det de stôk knapte dwarstroch.

Razen smiet ’r him yn ’e sé, dy kalme sé, loai as in weak, grou wiif,
det mar net fen ’t steed wol.

De minsken skodhollen en seagen him efternei. Dy man wie grif net goed
wiis, nikten se en biklagen him. „Elts húske hat syn krúske,” sei in
wyfke en seach nei de karosse, mar woe dochs net ruilje tsjin dy nuvere
man sines. En dochs hie hja dy deis noch neat hawn as in timpke droech
brea en in pear swolchfollen skiepmôlke, hwent hja wie in widdou mei
fiif bern en dy gyngen foar. Der sunige hja it sels for út de mûle.

Noch altyd kaem it skip der oansilen. Min koe ’t folk ûnderskiede en de
wite gerdyntsjes fen ’t heareroefke. It wie moai waer, Poppéus siet
fensels boppe. Ho-t fen Rhé ek stoarre, hy koe him net foar ’t fesier
krije. En al mar tichter kaem it skip, al mar tichter. It draeide hwet,
it lei nou by de wâl lâns. De touwen waerden útsmiten, de planke nei de
wâl taskoud. De earsten gyngen der oer.... hy bigoan to triljen en
nou.... nou gyng de lêste der oer.

De beurtman seach nei him, nei de karosse, do sloech ’r oan en kaem op
him ta. „Dit ’s ommers minheare fen Rhé,” sei ’r fluensk. „Kom efkes
oan board,” en hy gyng him foar nei it heareroefke. Yn in eachwink
seach fen Rhé it, hjir hie sont dagen gjinien húsmanne.

„Forwachte minheare altomets hwa?” fiske de beurtman. Hy diich sa
nuver, wie ’r wol by syn sûpe en stút?

„Ik forwachte immen. Det is de reden fen myn komste. En oars
forwachtsje ik in brief,” sei fen Rhé út ’e hichte.

„Det brief is hjir,” sei de beurtman en joech him oer. „Oars wie my
bisteld, him sels to plak to bringen, nou bisparret it my in reis.” Fen
Rhé taeste nei de pong, hokfor tynge it den ek wêze mochte, syn dofke
wie ’r wirdich.

En stadichoan, hiel foarsichtich, stapte ’r wer oer ’e planke nei de
wâl en foel suchtsjende yn ’e siden kjessens fen ’e karosse del.

En lies.... Syn hert stie hast stil fen skrik. It wie net in brief fen
Poppéus, wol wierne syn eigen beide lêsten yn ’e brieveslûf en in
skriûwen fen ’e eigener fen ’t loosjemint derby hy hie der net west.

Forslein ried hy nei hûs.

De Moandei’s stie ’r al wer by de haven fen ’e Limmer en siet sels yn
’t heareroefke en stiek oer nei de greate sted fen Amsterdam om syn
jonge to heljen. Hy moast dochs earne wêze.... hy koe sa mar net
weiwirde.

It waerde in swiere gong, do-t hy de stap derûnder sette nei de
„charmante” dames, hwer Poppéus altyd sa jerne toevje mocht. Dy seagen
raer op en biswarden, hy hie der net west, nóch op ’e hinnereis, nóch
op ’e weromreis. Hy wist op dit stuit, it wie wier.

Forklaeid as in earme hânnelsman holp hy de polysje mei, om him to
siikjen. Preemjes waerden útloofd oan fiiftûzen goune ta. It bleau
stilsit.

Deis en nachts swalke ’r yn Amsterdam om. Haeije Trompetter op syn fêst
plak yn ’t Rak-in seach him faken as in skynsel sa troch de sted dwalen
en gyng him sims hiel fen fjirrens efternei, eat yn him fen ’e trouwe
houn, dy-t noch de baes folget, dy-t him healdea slein hat. En hy en
syn maten en minheare Josua de Metz petearen oer al dizze dingen, as se
jouns yn ’t lytse rikkerige roefke sieten om ’e âlde kofjepot.

De dagen waerden in wike.... de wike in moanne. Do gyng fen Rhé wer nei
hûs, allinne en âld.

Scoene de foetten, de linige jonge foetten fen Poppéus noait wer de
Ljouwter strietten roere? Hy skriemde yn ’e wein, ien amerij mei
himsels allinne. Oeral minsken, jonge minsken, oeral heiten en soannen
en hy allinne de biroofde.... de earme....

It lyk fen Poppéus fen Rhé dreau stadich op ’e ebbe nei de sé ta.

As in weach hie ’r west, spield op it strân fen it libben en nou nei
hwet gedjoei weromroppen yn ’e djipten fen de dead.




XIV.


Hiel yn ’e fierte hearde min it bolderjend brûzjen fen ’e frjemde
Oceäen, wit hwersanne wei kaem it, oer hege bergen en brede streamen
lâns en it smiet syn kriik oan ’e iggen, al mar oan.... al mar oan....
Sims gyng ’t mei gjalpen, sims yn in sêfter sljuerking, mar hifkjend en
soeijend fen dy frjemde weagen op en del kaem it dochs altyd wer.... en
bismodzke it hiele gea mei syn onhuer útskiftsel.

Dit lot wie Fryslân nou biskern. Alles, hwet min der yn Frankryk slite
woe, waerd loslitten op Hollân en op Fryslân yn ’t bisûnder,
mindreseare ta neat oars mear as in rike, fette „provincie” goedernôch
om moaije baentsjes klear to habben for in leger fen loaie frânske
neatnutters, ta spiiskeamer to tsjinjen for úthongere soldaten en
trochgongshûs for guont, dy-t om de iene ef oare reden op swart sied
sieten. Det alles krige nou syn bislach, foargoed. Der wie gjin forwin
mear op. Hwa scoe hjir ek mear help jaen kinne? Ripperda siet yn
Ingelân en al de oaren en ’e bêsten wierne ek band út it heitelân en
hwet min oerhâlde wierne éf âldere minsken ef ljue, to jong noch om
helpe to kinnen. Drôfenis en grym yn it hert seagen sokken as
Falentijn, Ripperda en Foppe Lieûwes en tûzenen mei hjar it oan en
koene hjar net mear forwarre.

Hja koene neat oars mear dwaen as bidde, det Fryslân noch ris ienkear
wer bettere tiiden barre mochte, it as Job forheft wirde mocht út de
poel fen syn ellinde. Min hie hjar selst forbean, det hjar prekers mear
yn ambtlike klaeijing op ’e striette komme mochten, min hie hjar
forbean, om de klokken to lieden, as de tsjerke oangyng en hja leine
hjar it fjûr noch neijer oan de teannen, do-t se de tsjerken en oare
corporaties oansprieken om ’t dea kaptael, det se biöarderen om to
forkeapjen en den 1/8 der fen ôfstean for in rinte fen 3½%. Det gyng
raer, der kaem safolle lân op de bûrden, det de priis sakke as
balstiennen. En de goedleauwers waerden der ek noch by útgniisd, hwent
fen it 1/8, det se it lân, dy greate opfretter der yn ’e Haech
foarsketten hiene, seagen se net ien sint werom.[1]

 [1] De 10e fen Jannewaris 1797 noch wer in nij bislút, om ekstra wer
 1/5 ôf to stean.

As in âld falk, iensum op syn stange, seach fen Rhé, de Jacobijn, de
lêste tremynsetten triljen oer ’t útlitte antlit fen Fryslân. Ho ’n
wille hie ’r! fordôve ’r der net efkes de ellindige pine mei yn syn
eigen hert as ’r in oar krimpen seach fen smertlike skûrrings?

Foartdaedliken nei Poppéus syn dea hie ’r for alle affysjes bitanke en
wie fen haedpersoan in stille grimmitige taskôger waen, it herte fol
bitterheit en oerginst op hwa ’t noch bern en freugden hiene.

Alde Regnerus Ripperda wie forfard nei de stins fen syn soan yn ’e
Bjirmen en hwa wie ien fen de earsten to hûs-bisjen, do-t syn hûs to
Ljouwert to keap stie? Fen Rhé fensels. Stadich stapte ’r yn ’e keamers
om en troch de gongen en formakke him yn ’e groun fen syn hert. Utroeid
dit nêst fen Oranjefolk en wech en der wear de ljue forslingere, dy
Ryklef miskien wol dea.... Och, det wie altyd noch mar miskien, mar
Poppéus! en krekt, as waerde der wer in gleon izer yn ’t weak fen syn
hertefleis set. Altyd Poppéus, altyd noch wer Poppéus. Koe ’r sa mar
fen ’e ierde fordwoun wêze, sûnder tael noch teiken? sa mar....? In
minske is ommers mar as in dier, sá is ’r yn wêzen, sa is ’r in protsje
stof en in siel, in siel?! Ha! ha! as ’t lichem seit fen: pûst út, den
is der ek gjin siel mear, hune de kweageest yn him. Hastû det altyd
sels ek net sei en leauwd?

Hy hie altyd noch ien stille forhoping, salang as syn lyk net foun
waerd, wie der gjin wetlike sikerheit en hy koe, o hy koe tojoun ef
tomoarn noch weromkomme. Mar optlêst moast hy him der wol by dellizze,
Poppéus wie dea en namstomear hinge hy nou oan syn bernsbern. Der gyng
gjin dei foarby, as hy kaem by Anne, dy-t him koel ûntfong en och! hy
mirk it hast net, hjar stadichwei fen him ôfkearde. De aristocrate wie
de boargerman ba.... gjin feseltsje fen hjar hert hie mear bitrekking
op him. It wie om ’e bern en oars, och hy mocht der gerêst bliûwe.

Raer harke ’r op, do-t se him op in goede dei to witten diich, hjar
omke Hopperus, dy Oranjerazer! ta tasjende fâld oer de bern ha to
wollen. Hy abbeleare der earst tsjin, mar optlêst joech ’r dochs
bilies. Anne krige hjar sin. Hjar to forliezen wie ommers alles to
forliezen en och, och! it glês hie al in brek, it triedtsje wie al sa
bros, in spinrêch wie ’t, waeijend op ’e twirren fen it lot.

Hja sieten togearre yn ’e efterkeamer en Henricus boarte by hjar om.
Henricus, al in hiel broekmantsje, great en foarlik for syn jierren,
hwet fen it sloppe fen Poppéus yn him en dochs ek wer hwet fen Anne, yn
„miniatuur” hwet hja beide ienkear west hiene, fen elkoms in byt, fen
elkoms it „markante” yn syn wêzen, toraend yn wer it nije skepsel ta in
gehiel.

De wyn bearde om ’t hûs, de earste snie jage mei twirren troch ’t tún,
bleau op hage en struwel hingjen, diek sêft de wiete groun en de toarre
bledden. Hjir ef der foel dy snie nou ek sa op Poppéus syn grêf, tocht
’r bitter en hy waerde der moilik ûnder.

Anne hjar antlit stie effen as altyd, hja hie gjin trien om Poppéus
litten, al droech se ek djippe rouwe, de kyps mei de wite widdoubân en
gjin inkelde ring ef sa. Noait hie se syn namme wer neamd.... ek net,
do-t hy hjar it lêste fearnsjiers jild brochte fen syn affysjes. ’t
Scoe nou wol hwet fen de biheinde byt moatte, as Hopperus net
bysprong.... Poppéus hie skoan hwet ynbrocht yn ’e húshâlding. As ’t
rouwjier oars om wie, scoe ’t der wol wakker oan wei gean scille mei
setten en pretten en as baron de Noailly den noch yn Ljouwert wie, hwa
wit!

Tomûk seach ’r ris nei hjar. Ho ljeaf like se nou ek wer yn hjar
ienfâldich habyt.... ho aeike de swiete wollûd fen hjar praet syn earen
as mesyk! Ho nochlik siet it hjir yn ’e waerme, smûke keamer, wylt
bûtedoar alles teistere waerde fen ’e earste hjerststoarmen. Ho moai
scoe ’t wêze, as Henricus ris nei skoalle ta koe en letter stedint
wirde en master yn ’e rjuchten foar syn namme krije! Ho bigûchelen dy
bylden syn âld brein! en hy klammere him oan Anne en de bern as in
lêste anker yn in woelige brânning, hwer it slim wrakseljen is for âlde
minsken.

Hy lei ’r him by del as fâld, det hja de hiele winter útfenhûs gyng mei
Nelle nei in moike ta to Wyckel, as hy den de jonge mar hâlde mochte.
„Ja....?” in bliide klank siddere yn syn âld, krêkerich lûd.

Anne glimke, in skaed fen in glimke.... en stie it him genedich as in
ginste ta.—

Op in moaije Octoberdei seach doctor Falentijn, dy-t de rounte diich by
syn pasjinten, se riden en hy koe ’t net litte en sizze se efkes
goe’dei by ’t petier. Nou ’t se omke Hopperus as tasjend fâld oer ’e
bern keazen hie, bikende se kleur en blykte it, ta hokker partij se
hjarsels foege en Oranje tagedien bleauwn wie, selst yn it meast
patriottyske hûs fen Ljouwert. Sa jong like se noch yn det rouwige
swart, wie se net as in lyts blomke, kniesd en dochs noch net fornield
fen hirde hânnen? En wylt ’r hjar djip yn ’e moaije eagen seach,
tochten se allebeide om in oare dei, lang, lang lyn.... ’t Wie krekt,
as seach se op dit stuit de griene blikke der yn it Wetterlân en Ryklef
der midden yn en hearde se syn lûd....

In hertlik farwol en hja hobbelen oer ’e Wirdumer dykster brêge en
kearden Ljouwert, sêft en dreamerich yn syn Octoberslom fen in
healbiskûle sinne en in poarperen dize, de rêch. Hja seach ris om hjar
hinne troch de lytse finsters fen de koets en liet ien fen ’e gleskes
sakje, om de frisse loft fen it frije fjild ris wer to rûken. Wie ’t
net, as se út ’e finzenis kaem, in forgulde kouwe? Ho lang hie se dit
allegearre net mist, dizze moaije iensumheit fen it Nijlân om Ljouwert
hinne, dizze moaije iensumheit fen loft en greiden en wetters? It sjen
fen in folladene beam fol apels, read as bloedkralen, yn ’t hôf fen
Sixmastate, toside fen de wei, brocht hjar blydskip en it sjen fen in
kloft wylde einen, opfleanend út in opfeart, bûnt fen wjuk, noait net
koart noch bisnoeid, hearlike frijheit fen it libben yn ’e hege loft ef
it wiide wetter, der moast se fen suchte....

Gjin minske yn ’e wrâld scoe ea abslút frij wêze kinne, wie skoanheit
syn wysheit, femylje, staet, wet, tradysje ef hwet den ek scoe him
altyd alweroan yn ’t selde tsjernpaed foarttsjantelje litte. Elts
minske hie eat fen in kening en eat fen in slaef yn him en dy twa
fochten krekt sa lang, ont se einliks yn in grêf rôllen. Den wie ’t
dien en kamen de wjirms. Hja riboske ûnder hjar waerme mantel en treau
Nelle tichter tsjin hjar oan. Hja wie noch jong.... en dead en fordjer
in slimme nachtmerje foar hjar blierhertige eagen. En nou wie de earste
ticht om hjar hinne wei al fen diselde dead raemd op in frjemd plak op
in heimsinnige menear.

It lot hie him yn hjar libben opsmiten as in heinebal, dy-t in moai nij
helder finster for altyd skansearet, nou skûrde detselde lot him
hommels yn ien raem wer út hjar libben wei en it lange swarte skaed fen
it giene forweegde noch hwet yn hjar oantins hinne en wer en einliks
scoe det ek fordwine en der neat oars mear wêze as syn en hjar bern.
Hja wrokke djip yn hjar hert oer hjar lot.

Mar stadich krige it geniet fen de moaije dei wer fat op hjar, de
mounle, dy-t der draeide op ’e sêfte Sudewyn, noch de neiklank fen ’e
Juliwaeijer, de boerehuzen ûnder it brune tek sa sedich en sterk yn
hjar wissichheit fen stevige fondaminten en greinene spanten, de fine
couleur fen âlderdom en earwirdigens yn ’e âlde mûrren fen bêste fryske
stien, biskerme fen in stikmennich skeanwaeide eskenbeammen, al keal
fen hjerst syn gerop, in pear skippen, ien brûn en ien wyt, o snikwyt!,
in seil as in swânnewjuk, in feech fen wite jubel twisken it teare blau
fen ’e loft en it felle, jeloerske grien fen ’e groun! En der it bûnte
fé yn, op in tropke de swartbûnte melke kij, in wollich flokje skiep
tsjin in âlde fealbrune freding, in greate readbûnte bolle lykme
allinne yn in griene kamp, it oranje fen syn gledde fel in bliide
skreau twisken al dy teare tinten fen dizze hjerst, dy-t wie as in
simmer.... as in twadde bisonkene ljeafde, as de earste al lang
foarbystrûze is mei klang en sang nei de oarde fen sillich oantinken en
nea-forjit.

By in bochte fen de wei seach se noch ris wer om nei Ljouwert.
Roazeread biskynd fen ’e sinne, kaem de sted op út ’e dize, fluttrich
as raffelgazen en fen in frjemd felettene kleur, de kantige mûrren fen
’e Aldehou gnauwden swart nei ’t kleurige fen ’e loft, de seame fen
bolwirksbeammen bochte as in luftige slinger om de sted en hjir en der
op in úthoeke, in fiere úthoeke fen ’e tichtbibouwde sted stie in
mounle, de roeden yn flau forweech stadich al mar troch longerjend nei
’t heech fen it himelblauwe, sinnetrochgloeide loftrom, kearende,
draeijende, sinkende en kliûwende, mar oan, mar oan.... Krekt en allyk
as in minske nei syn lok al mar langhalzet en ’t nea yn ’e macht krijt
detselde lok, sa ’s de Noailly it hjar mei in fyn gnyske fol satire
sei.

En fierder en fierder ried se foart, fen Ljouwert ôf en alles dêrre en
einliks wie der neat mear fen de sted to sjen.

It lot bigoan, de nuvere krinkel yn hjar libben wer yn in effene
klearte fen in nij tal fredige dagen gled to striken.

Tsjin de joun kamen se yn Wyckel oan en hja wie der bliid ta, it wite
âlde slot yn syn beammen to sjen, hwer se nou in set wenje scoe en de
geur fen ’e bosken to rûken, hwer se as in loslitten fûgeltsje tier en
sounens fine scoe.

Sa gyng it moaije, âlde foarby, suchte Falentijn, do-t Jehannes him dy
joune de ontmoeting mei Anne fortelde. Ryklef foart en Regnerus en syn
Hanne foart en nou Anne wer, krekt as spielde in frjemde weach se foart
nei in frjemde igge en min seach se licht noait wer. Hy waerde âld en
om him hinne bigoan him in nije wrâld kenber to meitsjen, dy fen de
jongerein en hy hie der bihoef oan, om yn in hoekje by ’t fjûr sitten
to gean en syn Bibel op to slaen en der syn treast út op to dippen as
in reisger yn ’e woestenije it heldere libbenswetter út it djippe saed.
Mocht den ek de hiele wrâld om him en yn him foroarje, Hy, de
ûnwankelbare, dy-t de wrâld grounfêste hat en de séën bynt yn ’e sterke
bânnen fen ebbe en floed, hâldt stân, hwet der ek foroaret ef
fornietige wirdt troch de skûrwyn fen ’e tiiden. En it ferske fen Jan
Luijken skeat him yn ’t sin en hy sei it lûd-op sa for him sels:

    —Ach neen! ach neen! alwetend God en Heere,
    Uw Majesteit is niet so wijd en veere,
    En of de mensch een worm op aarde sij,
    Toch woont Gij hem gelijk een Vader bij....

    —Dies sijt Gij ons een allergoedste Vader,
    So iemand na, Gij sijt ons noch al nader,
    So leert ons dan steeds wand’len in het licht,
    Als kind’ren voor hun’s Vaders aangezicht.

De doar gyng op en de feint brocht him in brief op it earbiedich tarikt
bledtsje. Falentijn biseach him ris.... it hânskrift like him
onbikend.... it wapen op ’e lakken fen ’t selde. Hy draeide him om en
om, biseach him noch ris en snie him do stadich op mei syn
pinneforsnijersmeske.

En hy lies. It wie in brief fen Porter, hússittend egener fen ’e
„Spuitende Wallefis” yn ’e sted fen Harns en hy skreau wer, koart en
bondich út namme fen syn Souverein, lyk as ’r ek ienkear skreauwn hie
oan jonker Ryklef Ripperda. It diich Falentijn neat gjin nij, det ’r
skreau en likemin harke ’r raer op, oer hwet ’r skreau. It wierne mar
in wirdmennich, hy brûkte nin omhael fen wirden. Op oanstean fen syn
Souverein en ’e Prins fen Oranje scoe der yetteris hwet weage wirde en
ho-t de Friezen der yn ’t jildlike ûnder stean scoene, der winske hy
útslútsel oer to habben.

Falentijn stoarre der hwet op om, skodholle ris en lei de piip del. Hy
liet alles noch ris yn him omgean, hwet for ûnk dizze forfleine jierren
net oer Fryslân brocht hiene, jammer en ellinde, folle en net genôch.
En alles om ’e nocht. Ingelân mocht him warre for de Prins, safolle as
’t koe.... hy hie der al gignút fen heard fen in forboun fen ’e keizer
fen Ruslân, de kening fen Ingelân en ’e Oranjepartij, om de Frânsken
yetteris yn iepen tournooi oan to fallen, hy leauwde optheden net mear
oan in goed ein.

In deimennich hâldde ’r it noch yn birie for himsels, do stjûrde ’r it
brief troch Jan fen Proaijen op ’t hynsder húske bylâns by Foppe
Lieûwes, Bindert Japiks Cloosterman en de jonker fen Scheltinga fen
Stynsgea, sahwet de foarmannen noudistiids fen ’e Oranjeljue. Fierder
gyng ’r nei Collum nei de Wendt en Eskes en sa oer Aenjum nei Dockum en
kaem lang om let mei in goed fjirtsjin dagen him wer yn hânnen,
biselskippe fen in great pak oare brieven. In moai boadskip brochten de
brieven net, allegear wierne se der tsjin, allinne Eiso de Wendt wie
der foar. Hy wie de alderienichste, de oaren krolden der allegear foar
om. En Porter krige syn brief wer mei nul op ’t rekest. Hy glimke in
bytsje.... in frjemd glimke en seach ris oer ’e sé. Der fierôf Ingelân,
syn heitelân.... it sterke, ienriedige, rike Ingelân, der noch noait
ien it tsjin hâlde kind hie op den duer. Scoe it nou for ’t earst krimp
jaen moatte tsjin in soadtsje Frânsken, in hantsjefol goddeleazen ûnder
’t bifel fen in jonge Corsicaen? Wer krolde in fyn glimke syn mûle. Né,
Ingelân scoe it nea sitte litte, al moast it ek noch jierren wachtsje,
om de nekslach jaen to kinnen. Ingelân koe wachtsje en hy, Porter koe
it ek. En hy joech him del yn syn briedstoel en seach ta ’t finster út
en formakke him mei ’t gefar en gedobber fen ’e allerhânne soarte fen
skippen op it blaugriene, mar efkes sykheljende wetter. It wie sa ’n
fredich tafriel, dizze bleke hjerstsinne oer dit stille blauwe wetter,
de dei syn heftigste hertstochten liken der wol op foart to driûwen en
to stjerren yn dy frjemde sinne hjar gloed.... koe ’t bistean, det op
sa ’n ljeaflike joun wer dagen folgje scoene fen razene stoarms en
bolderjende weagen, dy-t tsjin de sarkene havenskoeijing opfleagen as
tigers, de wrede wietige klauwen rekt ta roof?

Koe ’t bistean?

It waerde wer in slimme winter, ier en betiid bigoan it to friezen en
dertroch waerde der neat fortsjinne. Algedurich kaem der ris in pak
snie en den frear it wer mei in stive Eastewyn en in glesheldere loft.
As ’t waer net al to onlijich wie, kuieren Falentijn en minhear Baerdt
deis it bolwirk in slach yn ’t roun, hielendal dûknekkich yn ’e dikke
buffels en de waerme mûtsen mei earlapkes djip yn ’e eagen. It stille
wite fjild yn syn winterpracht bitsjoende hjar âlde eagen en hja
fielden eat fen syn frede yn hjar herten nei. Sims stiene se yn ’e
smoute fen in beamwâl by de brede banen fen ’e stedsgreft to sjen, hwer
it jongfolk baentsjeried en syn wille hie en hwer de jonge ljeafde as
in lytse skelm twisken troch teante en tige warber wie, om herten yn
swiete prip to reitsjen. Foar in jier ef fjouwer, fiif rieden sa hjar
eigen bern hjir ek noch om, tocht Falentijn, nou wierne se al
hússittend en taelden net mear nei dit formaek. Al wer nei fiif jier in
nije jeugd, dy-t om it lok hinne stie to biddeljen as in kloftsje bern
om in riken jower. Ljeave heldere eagen, reade mûltsjes, kante mûtele
lea ûnder ’e naumillige spinserkes en ’e wiide omslagdoeken, wer it
nije geslacht, dreauwn fen ’e hetsige polsslach fen natuer oeral en
heftich, taelend noait nei stilsit ef rêst! Hird, hird gyngen de
geslachten foart yn hoarten en amerijen, hwet toarre bledden op in
geande stream.

En hy wie der bliid ta, syn jonges troud to witten, foaral André, syn
jongste. Al waerden de tiiden nou ek noch sa binaud, hy scoe noait de
wapens hoege to dragen, in troud man en in ienichst soan bleau altyd
frij. Det wie ek sa ’s it hearde, dy twa der hearde it gesach ôf to
bliûwen, as skoarjende pylders fen maetskippij en femylje wierne se. En
Jehannes as doctor stie fensels boppe alle partijen en boppe alle wet,
as ’t moast al wêze, det hy him frijwillich oanbea. Om sokke dingen
tochte ’r, as ’r der fen lies, ho ’t der in jonge oerste yn Frankryk
opstien wie, in hjitholligen jongkearel fol fjûr en strydwilligheit en
ho-t dy nou mei in great leger nei Egypten ta scoe. En Frankryk en
Hollân roanen nou togearre yn ien stokramt.... as ’t knypte scoe ’t
Hollânske hynsder fen it bluisterige Frânske wol ris nei in kant ta
lutsen wirde kinne, hwer hy net folle sin oan hie om to kommen. O det
ongelokkige forboun mei dy staet fen moard en fordjer, det geheul mei
dy godleazen!

De joune ûnderstie hy Jehannes der al ris oer, hwet der him fen tochte,
om it los jild safolle mûchlik yn fêst goed to bilizzen, hwent it like
him ta, rare tiiden stiene hjar to wachtsjen. Foppe-om hie him
skreauwn, hy woe ’t jild opbringe, it lei ré yn ’t kammenet en licht
kaem hy der sels wol ris mei oer iis om Sint Steffen hinne en den
mei-ien ris to frjeonsprekken en to kâltsjen oer ’t ien en ’t oar. Det
stie hjar allegear wakker oan, Foppe-om syn komste wie sa ’n soarte fen
settefortút en der wie sont de Collumer dagen in bân lei twisken alle
Oranjeljue, hwerearne den ek yn Fryslân en om mear as ien ding ware
dizze tatynge him tige yn ’e kaert, hy hie Foppe Lieûwes weromskreauwn,
hy moast it der den ek perfoarst fen nimme en in nacht twa útfenhûs
komme en as hy der sin oan hie, mocht hy in goefrjeon meinimme, mar
ien, dy-t swije koe, hwent der koene wol ris saken forhânnele wirde,
net bistimd for allemans earen.

Foppe-om siet yn ’e hoek by ’t fjûr to foekebreidzjen, de wintersinne
skynde him op ’e rêch en in gleon kopkefol kofje lokke swietgeurich
foar him, do seach ’r de postloper oankommen, hok in seldsumheit! en dy
hâldde al fen fierrens it brief yn ’e hichte. Der wie hy wakker mei op
’t snjit, dizze noeging. Hy waerde âld en krebintich, mar al waerden de
knibbels ek sa stram as de forruste knieren fen in âld doar, dit foel
der yn as in stik bûter yn ’e brij. In bult freugden hie syn libben
oars net sa daegliks wei. Sneins fensels nei tsjerke en hjertsmis en
maitiids nei de fémerken en sims ris to jimmetiten nei Wolmoet en dy’s,
der bleau it ek al by. Ienris yn syn libben hie ’r to Grins west en twa
kear nei Roanster marke yn syn jonge jierren en ienris nei ’t Ammelân
om in fôle, der syn hynsders nou noch moai nei útskaeiden. Det hiene de
feestdagen fen syn libben west.

Hy helle de âlde merje de oare deis fen ’e stâl en ried der op nei
Bouwekleaster ta, kipe oan by Roanes en Wolmoet en de poppe en gyng do
nei Wytse Binderts en brocht him ’t boadskip fen Falentijn’s oer en
sei, det wie nou krekt hwet for him, hy moast mei. En hy moast it
dicht, det ’r makke hie for it nije jier fen 1798, en der Wolmoet
wakker fen opdien hie, meinimme, den koe hy det by minhear Falentijn’s
ek ris foarlêze. Nou, der woe Wytse it ear ek wol nei hingje litte en
Sint Steffensmoarn scoe den de reis mar oangean, waerde ornearre.
Krysttiid hie ’r ek al in útsje, den moast ’r nei Optwizel, nei Teatske
Meinses,[2] pleage syn mem him en Foppe Lieûwes glimke en tochte om
Wolmoet en neamde Optwizel smoutwei in boaskersdoarp en net sunich ek.
En Wytse glimke ek, de jonge skalk boarte yn syn moaije greate blauwe
eagen.

 [2] Wytse B. Cloosterman troude Teatske Meinses Sytsma fen Optwizel de
 8e fen Augustusmoanne 1802. It houlik waerde ynseine yn ’e tsjerke fen
 Optwizel troch doomné Snethlage fen Aldwâld.

De bakker rearde syn moal en sjerp en makke de Sinterklazepoppen ré, de
pipenuten rûggelen by tsjienen fen pounen yn ’e greate trompen en kamen
der by duitefollen wer út, de earme jonges koften in stûrts
readstiennen potsje, in bargeblaes der oer spand en in stokje der yn en
dy gyngen mei de rommelpot om en songene earmhertich fen:

    „Rommelpot, rommelpot, rommelpotterij,
    Jow my twa duiten, den gien ik foarby.”

Jouns yn ’e greate húshâldings spilen se op ’t goezzebrief, sieten yn
’e put, yn ’e doalhôf ef kamen o mieri! sims op de dead tolânne ef
dominearen om in dûbbelstûr mei in foarsje, as wie ’t om in kaptael en
sa gyng de tiid al trêdzjende wei as in âld sleauwkert fen de lette
hjerst nei de winter ta. ’t Bigoan to friezen en Sint Steffensdei frear
it noch sa, det der skeaten balken ûnder it iis en it fjild lei der wyt
en iensum foar ûnder de helderblauwe froastloft. Dy deis lieten se hjar
togearre to Eastemar by de Wâl delglide en setten ta op de greate sted
fen Ljouwert. Wytse lei op, Foppe-om hie ’t maklik yn ’e lijte fen syn
brede, jonge rêch. By sa ’n wetterharbargje stieken se oan en preauwne
boerekofje út glêzene kopkes, skoan gûd, mar djûr as medecyn en om
iterstiid hinne klauwden se by ’t hinnebrechje by de Túnsterpoarte op
en setten de stap derûnder nei minhear Falentijn’s ta.

It wie in bliid weromsjen dêrre, al bigrutte it hjar tige om ’e
Ripperda’s, hwaens hûs forbâlle wie en dy-t nou fier fen ’t biwende
steed omdoarmen, d’âldste út leed om syn wiif en de jongste út leed om
syn lân. It lei syn skaed oer ’e wille, om hjir ris to wêzen, ris yn ’e
greate sted omsneupe to kinnen as in bern yn in frjemd boartershûs, de
frânske hege oome’s ris fen tichteby bisjen to kinnen, by de
boekforkeaper oan to gean for in moai nij boek en der o argewaesje,
berneheiligen to finen mei frânske opskriften en ferskes, it hûs fen ’e
Fraternité foarby to kuierjen en de middeis nei de tsjerke, hwer de
moaije stiennen fen ’e prinselike grêven tosplintere delkletst leine yn
in hoeke en de grêven sels rûchwei sljuchte wierne en folkwakt mei
stiengrús en greate kluten klaei. It biente en de kisten, fen dy hjir
ienkear rêst hiene yn ’e feilige Fryske groun? hwer wierne se?
Falentijn en Foppe Lieûwes mei Wytse Binderts stiene der stil by to
sjen.... it moed waerde hjar fol. Hja swijden.—

En de joune kaem doctor Falentijn en bleau ek en siet mei yn ’t
foarmidden, nei ’t hy earst syn lytse jonge nacht sei hie en hie syn
aerdigheit oan ’e prachtige, âlde kop fen Foppe Lieûwes, it type fen in
nommele Fries, helder fen forstân, sierd fen deugd en in adeldom sûnder
adelbrief. En hy forlustige him oan syn jonge, soune biselskipper,
alles noch fjûr en wille en bigear, wylt de oare al lang dizze onrêst
omset hie as in oertalligens, dy-t gjin nut mear hat yn ’e kalme
klearte fen in bisonkene âlderdom, sûnder se nei to treuren. En hja
sieten allegear mei inoar, hwent minhear Baerdt en minhear Hopperus
kamen ek noch, yn it seal en de greate kjersekroan dy barnde en liet
hjar ljocht skine op it prachtige skilderij fen Jan fen Goijen en it
goudlearene bihang en de stoellen mei hege, útsniene beklingen en it
sulveren thébled, der de sealjemôlke yn fynpesleinene reaukes stie to
geurjen, det it roek der fen troch de hiele keamer en der soezen en
spritskoekjes by, suver swiet sân twisken de tosken,—it waerde me in
hearegastmiel.

Foppe-om, op ’t Wytfean net wend oan sa ’n rykdom, seach him de eagen
hast út ’e holle, Wytse, faken de gast by de fen Scheltinga’s en fen
Boelen’s to Stynsgea, foun der neat gjin niget mear oan en do-t se him
forsochten, it Nijjiersdicht, fen him sels makke, ris foar to lêzen,
rekke hy der alhielendal net fen oerstjûr en sette stadich yn mei syn
jong, bronzen lûd:[3]

 [3] Origineel, eigendom fen it efterbernsbern Simke Kloosterman.

                 Nieuwjaarswens over ’t jaar 1798.

    Eeuwig Weesen aller Weesen
    O! onsterflijke Opperheer!
    Zo veel jaren zijn verschenen,
    En die tijd die komt niet weer.
    Daar wij schrijven seevtien Hondert,
    Negenmaal tien en acht nog klaar,
    Nog Drie dan is de Eeuw weer vol,
    Maar hoevelen zullen daar,
    Deze tijd niet half beleven
    Want dese aarde is wankelbaar,
    Die so voorbij gaat sweeven,
    In stroom van ongeregtigheid,
    Dat moeten wij bekennen—
    Vliegt snel na d’Eeuwigheid.
    Waar zullen wij ons henen wennen?
    Komt dan menschen al te zaam,
    Waak op in ’t Nieuwe Jaar,
    Om ’s Scheppers grooten Naam
    Te loven met malkaar.
    Komt hier gij jong en oud,
    Komt Allen tot den Heer,
    En wie het regt beschouwt,
    Die werpt zich voor Hem neer,
    En wil niet meer des weerelds zijn,
    Want dit verganklijk leeven,
    Baart niets dan smert en pijn.
    Wij zijn alweer een Jaar ten Ende,
    Met droefheid en geween,
    En alles vol Ellende,
    Zoo vliên de jaren heen.
    Wat zijn in dit vervlogen Jaar,
    Niet al hier weggerukt,
    De eene hier en d’ander daar,
    Zo heeft het ons gelukt,
    Om toch dit Nieuwe Jaar,
    Dat God ons heeft geschonken
    Te zien na Kersttijd klaar.—
    Zo wensch ik, dat Uw hert,
    Den Heere moog’ behagen,
    De Heere doet zijn wil,
    Dat stelt Hij ons te voren,
    De zaak is waarlijk zoo.
    Men komt het wel te hooren,
    Ja hooren niet alleen,
    Men ziet het met ’t gezicht,
    God toont so menigmaal,
    Bij duister en bij licht,
    Dat licht, dat schoone licht,
    Dat lieflijk is ’t aanschouwen,
    O! mogt het stralen in ’t gezicht,
    Van allen, die ’t betrouwen.
    Opdat een stroom van goedigheid,
    Met d’intree van dit Nieuwe Jaar,
    Mocht weesen in ons Land,
    En ook U dierbaar rijk verbreid,
    Tot nut van kerk en stand.
    En dat het algemeen
    Tot nut van alle vromen
    Uw Evangeliewoord
    Op kandelaars mogt komen!
    En dat Uw Lof alom,
    Nog eenmaal word’ gehoord
    Ver onder ’t heidendom,
    Het goddelijke Woord!
    En dat wij al te zaam,
    En yder op zig zelven,
    Eens denken regt bekwaam,
    Dat onze Levenstijd,
    Ook eenmaal zal ophouden;
    Misschien is ’t laatste jaar,
    Dat wij op Aarde zijn,
    Te leven met malkaar,
    Hier in veel druk en pijn.
    Den Psalm van Negentig,
    Die wijst ons klaarlijk aan,
    Daar kunnen wij ’t in zien,
    Hoe het met ons moet gaan.
    Slechts tienmaal zeven jaar,
    Of tachtig dan ten hoogsten....
    Het einde dan van Dien,
    Wordt moeite en verdriet,
    Gelijk men komt te zien.
    En hoe het ook geschiedt,
    Al zijn wij Jong en Sterk,
    De Dood die velt ons neer,
    Al na Gods weg en werk
    En Zijn Voorzienigheid,
    Zo leven wij niet meer.
    De Heere houdt Zijn weg,
    Hij doet, wat Hem behaagt,
    En ’t hoge Heemel Choor
    Al na Zijn wijsen Raad;
    Die ons het Leven geeft,
    Die ons nog alles schenkt,
    —Zelfs kleinste Creatuur dat leeft—
    Nog om ons allen denkt
    Mogten wij in Zijn Voorzienigheid,
    Dan tellen onse Jaaren,
    Met een opregt en wijs beleid,
    Wat ons al is ervaren,
    En dat wij onse Levenstijd,
    Dan kostlijk mogen agten,
    Ons harte daarin zijn verblijd,
    De ware wijsheid te betrachten.
    Schoon wij dit Jaar beginnen,
    Om met malkandren te Leven,
    Maar velen zal het niet gelingen,
    De Dood zal hun doen sneven.
    Daar ligt het broze Lichaam dan,
    Dat d’ Aarde heeft bewandeld,
    ’t Zij dan voor God bekwaam
    Of ongeregtlijk handeld’,
    De ziele is dan niet meer op Aarde,
    Maar is bij God den Heer
    En is in groote waarde,
    Of stort ten Afgrond neer.
    O mogt dan ijder Een
    Steeds bidden ende waken,
    Om nu voortaan dan heen
    Tot Christus te genaken.
    Om nu van stonden aan,
    Met alle vuile zonden,
    Tot Christus heen te gaan,
    Om in zijn Dierbre wonden,
    Gezuiverd door Zijn bloed,
    Geheiligd door Zijn lijden
    —Door dit Zijn dierbaarst Goed,—
    Ons van de straf bevrijden.
    O! komt dan al tot Hem,
    Bid Hem ootmoedig aan,
    Doe ’t in Geloof en Liefde,
    Dán laat Hij niemand staan,
    Bid dan in Vader, Heil’ge Geest en Soon,
    Drieëenig God, ootmoedig aan,
    Gelijk Hij ons ook heeft geboôn,
    Zo zal de zonde van ons gaan,
    En maken ons bevrijd.
    Dan zal Hij ons opnemen,
    In Zijne heerlijkheid,
    Om voor Zijn troon te sweeven,
    En eeuwiglijk te Leven.

              Einde.

             Gerijmt door Wytse Binderts Cloosterman in ’t Clooster.
             (Bouweklooster)
             Wintermaand van 1797.

It jonge lûd swijde. Der foel in wolfoldiene stiltme yn ’e greate
keamer. Falentijn nikte byfallich, mefrou Falentijn siet foar hjar út
to sjen en tochte oer ’e wirden fen it dicht nei. Der kaem hjar safolle
yn ’t sin, hwet de giene jierren meinaem hiene, Doedte.... en mefrou
Ripperda.

„Det ’s in goed stik wirk, jonge frjeon,” sei Falentijn einliks, „en
goed skreauwn ek,” en hy biseach keurjende wei de greate kapitalen,
hwer it mei opsierd wie en it moaije, dúdlike skrift. „Leare jimm’ soks
der yn Bouwekleaster?” pinfiske ’r hwette ongelovich.

„Master hat it ús leard,” andere Wytse biskieden. „Dy docht det alles
sa moai en kinstich, der is de ein fen wei. Hy kin ek skilderwirk
meitsje op glês en soks en de Hamsters binn’ sa greatsk op him, der ’s
gjin fornimstiger en snoader man yn hiele Fryslân as master, sizze
hja.”

Troch ’t neamen fen ’e Ham kamen hja op ’e tekst fen ’e reboelje yn ’e
tsjerke dêrre en hja fregen doctor Falentijn, as hy noch wol ris hearde
fen master Marten Joukes fen Driesum. Dy siet noch altyd yn ’e
finzenis, fen slimme koartsen pleage, der wol gjin forwin op wêze
scoe—krigen se ta biskie. En Falentijn bigoan to fortellen, ho-t se
tsjinwirdich dwaende wierne op oanstean fen fen Rhé noch, de ljue, dy
’t oan roer west hiene[4] ef riedsman ef rjuchter yn Fryslân om 1787
hinne, to biboeten omt se de patriotten fen dodestiids sokke swiere
straffen oplein hiene. En hja fregen mar efkes as pynstillingkje
hjirfoar de som fen fl. 700.000. It wie der raer oan wei gien, do-t dit
yn ’e lêste Nationale Forgearringe op ’t rabat kaem wie, fen Beijma hie
der fensels lyk foar west en inkelde oaren, dy-t ek graech út in oar
syn pong stielen, ek, mar Schimmelpenninck, de foarsitter en in bult
mei him, der fûl tsjin. Hy neamde it selst in polityke foroardéling,
sûnder yen forwarre to kinnen, ja, hy hie it optlêst in polityke roof
neamd. Op eigen manne boete hiene de Ljouwters it der oars al op weage
en stjûre ien al ris in doarwaerder mei ’t bifel om to biteljen, mar
dy, ek net mak, sei, hja koene desnoads de boel wol opskriûwe—hy
bitelle net earder, as it moast fen de Nationale Forgearringe
bikreftige wêze. In Frysk bistjûr bistie nou net mear.... it hiele lân
hie nou der oer as bistjûr to sizzen. It wie nou optheden stilsit,
Falentijn tochte, it scoe wol yn ’e dôfpot reitsje. En einliks fortelde
’r fen fen Rhé, ho-t dy sont fen ’t hjerst gjin bern mear hie....

 [4] In forwarskrift der tsjin waerd’ stjûrd oan ’e Nat. Forgearringe
 en wie ûnderteikene fen: f. Burmania, f. Scheltinga, D. B. f. Haersma,
 D. f. Haersma, Bergsma, f. Sminia, f. Sloterdijck, H. L. f. Haersma,
 D. J. A. f. Sytzama, Basseleur, Camstra thoe Schwarzenberg en
 Hohenlansberg, f. Burmania Rengers, Lycklama à Nijeholt, F. J. J. f.
 Eijsinga, en fen Andringa de Kempenaer.

Pronica hjar heldere eagen, ûnder de swiere eachsbrauwen suver stjerren
gyngen nei Jehannes, do-t se der fen bigoanen to praten en hjar memmige
tinsen omfiemen yn in tel twa hiel de lytse wrâld fen hjar ljeaven en
do festige se hjar eagen op de jonge frjeon fen hjar man, de soan fen
ien fen de fûlste fjuchters for Oranje.

Hjir siet ’r.... en thús wierne der noch fiif en selst gjin hier wie
him noch syn heit en broer krinkt yn ’e reboelje foar Dockum. En
Poppéus.... dy wie pakt fen it needlot, dy moast weiwirde, suver as in
flokje skûm op in wiide sé.

Hja waerde efkes rillerich yn hjar waerme smûke keamer, krekt as ware
der in fortuteaze geest om hjar hinne.

Sa smûk kâltsjende wei kamen se ek oer de jonker to praet en winsken
him allegear tichteby en yn dit hjar rountsje. Hwer scoe ’r tahâlde?
Hja wisten fen yn Ingelân, de doctor krige sa nou en den noch ris
tynge. En Foppe-om seach him noch oankommen dy moarne fen syn flucht op
’e moaije fos en by him in ûntwyk siikjen.... hy seach him wer yn ’e
top fen gloarje as foarman op reis nei Dockum ta en hy seach him noch
ris, ho-t hy ien fen de deaden sêft mei optilde en op ’e boerewein lei,
om nei hûs brocht to wirden. Hy hie him net mear bidimme kind en de
triennen wierne him út ’e eagen dript. En biskamme ’r him net oer....

En út ’e folheit fen syn hert bigoan er oer de Dockumer dagen to praten
en syn taharkers harken, as naem ’r se yn in bân fen sielemienskip
finzen, sa innich, det se it mei bilibben.... it felle forweech fen dy
dei syn tragyk lieten se as in skûrwyn oan hjar foarbystrûze.

„Sokken fen it âlde laech hat Fryslân yette brek en dy swerve yn ’e
frjemdte”, sei Foppe Lieûwes ta einbislút, noch de flikkering fen
opwining oer dit alles, ienris oanskôge, yn ’e âlde skrandere eagen.

„En dochs scil der in dei komme, Foppe”, sei Falentijn, „det se wer by
honk brocht wirde. Hja scill’ werom komme, as it Ien syn tiid is. Dy is
machtiger as allegearre. Hy jowt biproeving en útkomst beide.”

„Jawisse det”, sei dy der oerhinne. It klonk as in bifestiging.

Wie hy yn syn eigen libben ek net oer klingen en delten gien, yn djippe
ôfgrounen tûmmele, hwer in tsjelk fol alsem op him wachte, twingerich
om dronken to wirden oan ’e boom ta, by rotsige klingen opjage, in
geweldige swypker efter him en foar him neat as bittere iensumheit en
need oan ’s herten djipste groun ta.... Ja, in christen syn reize gyng
biswierlike wegen lâns.... Och, as ’t yn de ein den dochs noch mar
frede wirde mochte en in forgéving fen alle soune en skild yn Christus
syn bloed, den wie in minske syn libben—oars neat as ’t geskimk fen in
lyts bang fûgeltsje oer it brede, brede wetter fen ieuwen en
wrâlden—dochs noch yn al syn lytsichheit in ôfskading fen de ivichheit.

Hy wie mar in earm en lyts man en wist him doch ryk en nei bisibbe oan
Falentijn’s folk, al wie ’t den ek net sasear yn ’t stoffelike as wol
yn ’t geestelike, hwer it gjin earm en ryk jowt, allinne mar bern fen
ien makelij.

Falentijn diich halen oan ’e piip, de wolkens reek stouden dernei en de
oaren spilen ek net swak by. In set stoarren se yn ’t fjûr en eagen de
fjûrtongkjes nei, dy-t by de izeren plaet opslikken en den wer
ynkrompen ta in neasich flamke, as rôp de húsgeest fen ’e hird se wer
yn syn forskûl, do sei Falentijn stadich: „Der wirdt fen gnute.... it
meij einliks noch gjin wird ha, det it regear wol somliken fen ’e âlde
reginten weromroppe en jowe se de âlde posjes wer. Binn’ hja der net
mear, den de bern. It possenaesje fen ’e jacobijn, fen ’t strang
regear, is útspile. Hja ha hjar eigen stâl forbûke. Wrede hearen,
koarte regearen.... En as de sabel hjar wirk dien hat, komt altyd de
chirurgijn en dy bringt salve en smarseltsjes, om de boel wer hiel to
krijen. Hwet seistû, Jehannes?”

Dy glimke.... as sinneskyn gyng ’t oer ’t earnstige, brune antlit.
„Heit hat gelyk, sa is ’t. Better noch scoe ’t wêze, as der nea sabele
waerd’. De knibbel op ’t boarst fen ’e ûnderlizzende partij is altyd
gefaerlik. Der kin ris in tiid komme, det de tramtearre, dy-t him net
forwarre kin, wer sterk wirdt en den.... as ’r syn maten ropt....
den....”

Hja wierne allegear stil.

„Den tosplintert Europa yn in wrâldoarloch.”

„Jehannes!” rôp mefrou Falentijn en seach kjel nei hjar soan, „’t is
krekt, as dochst’ in profecy.”

„Ik fiel it sa, Mem”, sei hy ienfâldich en hie syn kleare, skerpe eagen
fêst op hjar. Do gyng hy der stil út. Hy hearde syn lytse jonge yn ’e
sydkeamer kriten....

De oare moarne kuiere minhear Falentijn mei syn bisite de Bier-Kelders
op en del yn ’e hearlike wintersinne, do gyngen se nei doctor Falentijn
ta ûnder de Nije Toer, hwer ’r yn dy greate rûmte syn snijkeamer hie om
de oansteande plattelânshjilmasters to learen en hja biseagen der
allerlei nuverheden op sterkwetter, greate slangen en skorpioenen en
lytse bern en geramten en moaije frjemde flinters en yn in lyts
glêzekastje prachtige opstoppe fûgeltsjes, hwer elts fearke fen
skittere as in juweeltsje. Wytse loek al ris fiis oan ’e noas, it roek
der net sa botte fris, mar Foppe Lieûwes moast alles sekuer troch de
greate fok bisjen en frege doctor Falentijn hast de earen fen de holle.
En do gyngen se fjouwersum nei minhear Baerdt to kofjedrinken. En der
hearden se wûnder nijs.

Hy wist nammentlik to fortellen, Ingelân[5] wie fen doel, yntkoart de
Bataefske republyk oan to fallen, as ’t moast lykme allinne, as Ruslân
him yn ’e steek liet, alhowol, det scoe ’t wol net, hwent Ruslân, dy
rûchfellige wolf, liet it ek net gau sitte.

 [5] Dit plan’ is trochset en it gefolch wie de slach by Bergen yn
 Noard-Hollân. De Ingelsken en de Russen waerden der forslein yn 1799.

„So, so”, sei Falentijn. „Dos Porter syn plan is noch net dea.”

„Och hea, ha jou det ea tocht”, rôp Baerdt. „Ingelân hâldt oan, dy hat
tiid, ien, fiif ef tsjien jier wol, ast wêze moat. En ús lântsje komt
den to sitten as twisken twa fjurren yn ’e yeske, det scill’ jimm’
sjen.”

„Lântsje?” hune Foppe Lieûwes stadich. „Der bistiet gjin Fryslân mear,
gjin lântsje, in provinzje is ’t, hwer wy fen prate.”

Sá foel it greate skaed fen dit leed selst oer it nochlikst petear fen
dizze mannen, oan lân en Oranje biknotte as de ranke oan ’e wynstôk,
tin en tear en dochs yn sa ’n hâldfêstich forgroei, det neat op ierde
dy twa wer út inoar skûrre koe.

De middei’s om twäen hinne brocht Falentijn hjar wer nei de
Túnsterpoarte. De reis nei hûs scoe wer oangean.... It waer wie stil.
Der loek in bilutsenheit oer ’e loft, in sulveren gaes, hwet biskûmme
fen wyt. De sinne skynde der efter en hie eat fen de bliide, teare
laeits fen in bern efter in spegelige rút, hwer syn mûlewasemke op
stiet to pereljen. Wyn wie der net folle, de wimpelkes fen ’e
fêstfêrzen skippen yn ’e stedsgreft roerden hjar net en de reek út de
foarûnders stie as in plûmke út. In séfûgel fleach yn moaije
slingerbôgen boppe de skippen, in hin op in heechladen turfskip keakele
maitiidseftich. Foppe Lieûwes seach det út en sa it Súd yn oer ’e greft
de kant út nei de Hôven. Der efter dy hege beammen groune de loft, stie
as in rjuchtlutsene streek in tsjustere wolkenbank djip oan de einder.
Wreed like hja der to wachtsjen, krekt sa lang, as it hjar tiid wirde
scoe. Den scoene wyt en swart wer fechte, ljocht en skaed, krekt as
oeral en jimmer yn ’e wrâld. En wer scoe ien it winne. Hokker, ja
hokker den dochs....?

Wytse lei wer op en Foppe-om hekke oan. It gyng mei staesje op hûs ta.

Falentijn seach se swaeijen en syn siel fol goede ljeave tinsen
biselskippe hjar wegen. By in bochte yn ’e feart bleauwne se efkes
stean en seagen noch ris om, Foppe wieûwde mei de hân en Wytse swaeide
de mûts. Syn donker hier glimde, as wie ’t roetswart. Do forswolge de
wiide fierte se yn ien slok.

Foppe Lieûwes en hy wierne âld, scoene se inoar ea weromsjen? tocht ’r.
Eltse winter stjerre der âlde beammen yn ’e bosk, oan eltse stamme leit
de bile ré, mar hokker as de earste wêze scil, is gjin minske wysheit
jown to witten.

En yn ’t nei hûs gean dizze stille wintermiddei waerde dit him ynjown
as in hertsbigearte: det hja allebeide noch ris sjen mochten, ho-t de
Nijjiersmoarn fen in jubeljier de fryske loften roazeread poarperje
mochte, in jubeljier det Fryslân frijheit út syn slavernij, regear fen
eigen folts en wer in Oranje op ’e troan bringe scoe! Den scoe hy him
yn frede deljaen kinne en syn siele hjar stil flije nei de Heare syn
wil.... in bern nei Heite wiis bistel.




XV.


Like it net in dream, al detjinge, hwet foarby wie? It boartlik
geflinter fen hwet sinneskyn by ’t maitiid oer in fryske finne.... it
opkommen fen in tongerbui oan ’e einder oer in stille mar, hwer selst
gjin forweech fen reid ef snilen to bikennen is? Wille en leed yn ’e
palm fen ien hân, alles in nietichheit, in plusterke, waeijend oer in
oneinich great heidelân en dochs en dochs.... yn it herte wie der in
sear steed fen oerbleauwn en.... wémoed, as de joun komt mei syn
iensumheden fen stjerrend lûd en wyljend ljocht en in siele, dy-t
hjarsels werfynt út it gebolder fen de dei yn dit hjar eigen skûl fen
stiltme en omtinken....

De dagen wierne as gloarjeridders yn gouden rêstings en de nachten as
wûndere mearkes fol fen mesyk en ritsel fen sulver en sprinkels fen
blommekleurigheit hjir op it eilân fen Wight. Tsjin de jounblauwe
loften donkeren de seders en yn ’e âlde tunen om Ventnor hinne hingen
de figen to rypjen oan ’e beammen, waeiden der palmefearren en kaem der
fen de Oceaen in twirre sa swiet, krekt as droech ’r de simmer sels op
syn waermteslûge wjukken. Fjouwer jier hie hy dit alles sjoen.... nou
moarn gyng hy foart, foargoed, om syn hear to folgjen nei it nije
frjemde plak. Fjouwer jier hie hy mei Willem fen Heemstra en fen Asbeck
diel útmakke fen de brigade fen ’e Prins fen Oranje hjirre op Wight en
nou joun scoene se for it lêst hjir by inoar komme yn ’t âlde
Carisbrooke Castle en moarn scoe dit kapittel út hjar libbensboek
útlêzen wêze en in nij opslein lizze foar hjar.

Ryklef Ripperda striek him it hier hwet fen ’e foarholle wei, wylt hy
op ’e binneplaets hinne en wer kuiere. Op ’e finsters fen in
omgongstoer stie yette de sinne, de lytse griene rútsjes blêkeren
deryn, krekt as sloech de lôge er út. In fûgel song, in keppel reabûnte
kij wâdde yn ’e fierte yn in dobbe om en de lytse hoeder bauwde
gekjeijende wei op syn fluitsje de fûgel nei. Harkjende hie hy syn
aerdigheit der oan.

In greate sulveren wolken kaem út it Suden oanseiljen as in fjouwermest
koffe, alle wite seils op en sylde de blauwe loftsé lâns, ien amerij in
biwyske fen in skaed oer de poarperen skieppewolkjes smitend, dy-t as
bern yn in herntsje boarten. De sinne siet efter in dize biskûl, it
blau en poarper oer ’e bosken yn ’e fierte forroan stadich yn in
djipwaerm feletten, hwer in pear ielreagers sulverkleurich by
ôfstieken. Fen jounige onrêst dreauwn, skreauwden se fel fen lokkinge
hjar ljeafdeliet en setten ta op de Oceäen, ek in langhalzer s’as hja
fol bigearte en hertstocht.

Moaijer oarde op de wrâld scoe min mar komselden fine kinne, tocht him
en joech him willeas nei de tsjoen fen dizze frede. Heal winske ’r yn
syn hert, hjir bliûwe to kinnen, heal winske ’r ek al wer de foroaring,
om ek syn kâns to habben. It wie ommers in tiid sa fol biroering, elts
minske hie om sa to sizzen syn greate kâns, foaral op it oarlochsfjild,
om it fier to bringen. Derom net, oant nou ta wie hy net ien fen de
lokkigsten, in earme Odysseus, in swerver, smiten fen it lot hinne en
wer as in eskenwjukblom oer in wrede spjirrebosk, hwer hja gjin hael
fine kin om del to saeijen en gjin fêste groun for it skraech amjend
piidtsje. Altyd alweroan de swerver, nou ’t yn it egen lân de ban oer
him útspritsen wie. Dodestiids foar Dockum wie ’t op ’e snaren ôfgien,
as hja hiene him pakt en ’t hie him licht ek de holle koste as Jan
Binnes, nou scoe ’r neat mear weagje, hy waerde âlder, it sin bitûmmele
sa njonkenlytsen en de waerdij fen it libben waerde kostliker, al moast
it den ek yn frjemde lânnen libbe en trochmakke wirde.

Wer droech ’r ’s kenings klean, wer sierde him it wapen der eare.
Ritmaster hie de Prins him makke en hy wie mei syn frjeonen yn it
Ingelske leger, do-t det lânne by Alkmaer, om it noch ris tsjin de
Frânsken yn ’e kant to setten. Nei in bult geskermesear wer mis, it
like, as lei de flok op alles, hwet der mar ûndernaem waerde tsjin det
frânske gespús. Ien tel bipaelden syn tinsen hjar wer by dy tiid, de
lânning by nacht op hollânske groun yn ’e stille, beamteommantele
dunen, de grize heitelânske loften, yn it Easten de sulveren kûm fen ’e
Sudersé, hwer hy in bult fen syn Fryske fiskers op wiste, de netten
sinke littend yn ’e stille nacht.... it âlde hûs fen Porter mei ’t wiis
trapgeveltsje, dy-t miskien nou wol foar ’t finster stie to stoarjen
nei it Skoorler dún út en noch fierder yn ’e Bjirmen, hwer nou diselde
wyn oer waeide, de âlde stins en der wie heit. En noch in lyts doarpke,
hwer syn tinsen hinne fleagen, in stille fûgel nei in ljeaf ûntwyk....
In hûs yn ’e Wyckeler bosken, hwer hy Anne wiste en hjar bern....

Hy helle út de binnebûs fen syn uniform noch ris wer de brief fen
Jehannes Falentijn en hy lies noch ris wer, hwet ’r skreau. Och, hy koe
’t suver wol fen bûten, elts letterke, elts sintsje stie yn syn ûnthâld
beitele noch skerper as de letters op in moarmerstien.

—Vanwegen de krankheid van ons zoontje zijn mijne Ouders den ganschen
zomer met hem in Langweer geweest, veel op het water. Hunne wegen
leidden ook veel malen naar de Slotermeer en hebben ze onze vriendinne
Stine dikmaals bezocht. Zooals Gij weet, ligt Anne van Rhé daar thuis,
zij is haar tantezegger, en is daar wel besteld, alsdat zij plan heeft,
daar metterwoon te blijven. Haar zoon Henricus is nog hier en woont bij
zijn grootva in.

Laastmaals, toen wij van UEd. spraken, als zijnde van doel, zich naar
Duitschland te begeven in ’t gevolg van onzen Prins—ik docht, zij mogt
het weten, is het niet?—verschoot zij zeer van kleur en was den
ganschen avond in zich zelven gekeerd en stil.—

Seach ’r hjar der net sa sitten, it ljeave boarterke fen alear „in zich
zelven gekeerd en stil?” Syn hert fleach nei hjar ta om hjar to
treastjen en to bimoedigjen, nou it lot syn wrede weagen ek op hjar
takamen.... om se to biskermjen, al syn kreft to war to stellen, om
dizze iene leed en triennen to bisparjen! En fierôf fen him, lykme
allinne, moast se nou hjar stryd stride! En in angeltsje pripte fûl yn
syn hert: wie der hwet twisken hjar en Jehannes? Prate ’r net faken oer
hjar yn syn brieven? sette ’r se net altyd tige heech? En hy wie
widdener, ryk, yn oansjen yn Ljouwert as gjin twadden ien. It páste dy
twa, martele hy himsels al tinkende wei. Anne wie net fen dy soarte fen
frouljue, dy-t de tjilling op ’e wiûw sette, om ’e einefûgel to fangen,
noait scoe se twa op ’e tôch hâlde, wist ’r wol en as Falentijn’s der
sa faek kamen by ’e moije, wie ’t grif for hwet oars as in
âldwivepraetsje en in pantsjefol thé.

Grimmitich gyng ’r yn ’e hûs en sloech de doarren efter him ticht, det
it dreunde der oer. Eat moast ’r dochs syn lilkens op koelje, eat, al
wie ’t den ek mar in stik hout. „Hwet bistû joun ongedurich en
tipelsinnich,” biskrobbe fen Asbeck him. „Min scoe sizze, docht it
ôfskie dy sear? Hast hjir altomets dyn herte forlern?”

Fen Heemstra stompte him oan. „Lit him betien,” sei ’r hiel sunich.
„Somtiiden moast in siele net oanroere.... den is alles as in stikje
glêspeslein sa tear....”

Hja seine allegear net folle, elts hâldde him binnen it park fen syn
eigen ôffieme tinsen. Sá wie dy lêste joun der op Wight, neat barde
der, neat foroare der en dochs.... In lyts spintsje, stjûrd fen it lot,
bigoan wer in tried to spinnen út it iene minskeherte wei nei it oare
ta, krekt as yn dy moaije simmerdagen fen 1793, krektlyk as do en dochs
oars.... De ryp fen it libben wie der oerhinne gien as in nachtfroast
oer de griene greiden. It earste frisse grien, de earste blom, det wie
it net mear. Mar it sette him dochs wer nei bloeijen for in twadde
risping en al wie der yn ’e bitterheit fen ’e earste dead, dochs wie
dit ek wer moai, hwent it joech in earm herte treast.—

In deimennich letter waerden de toerren fen Hampton Court wei yn ’e
fierte, de Prins mei syn gefolch forliet it gastfrije Ingelân, det him
in jierjild tasei hie fen sechtstjintûzen poun sterling, (ûngefear f
190.000) en de Prinses noch ekstra in forearing fen sechstichtûzen poun
sterling (f 720.000). It wie in keninklike jefte for de earme
bannelingen, dy-t alles kwytrekke wierne, hûs, jild en lân, allinne de
eare, dy hiene se as in echte Oranje rein en skjin biwarre en det wie
den ek de treast fen ’e Prins, nou-t hy hjoed den dei de reis bigoan
nei Dillenburg, hwer hy in honk hope to finen.

De measten fen ’e trouwe Friezen hie hy om him hinne, syn lotgenoaten
wierne it. Hy seach ris stoarjende wei nei hjar en syn each bleau ien
amerij yn ljeafde rêsten op ’e kante figuer fen Ryklef Ripperda. Scoe
’t him ek sa nei gean as him? sa as in reid hinne en wer slingere wirde
fen syn gefoel? Och, hy wie noch sa jong, den is in minske noch neat
oars as in spyltúch en alle ding ljeaflik om him hinne en folbisnare
wachtet ’r op it greate, rike libben om him to bispyljen. Letter wirdt
it oars, den komt de stiltme, as der gjin gesang mear is en de snaren
d’iene nei d’oare springe, de hân mêd wirdt en it lûd ynein....

Hja wierne trou, dy Friezen, nou gyngen se mei him yn in nije
forbânning. Om it lean hoechden se it net to dwaen, hja bleauwne by him
om himsels. Neat scoe hjar skiede kinne fen him, as it moast syn eigen
wird wêze, det hjar it bliid boadskip bringe koe fen ’e frijmakke wei
nei it eigen lân. Den scoene se gean.... foartdaedlik. Hwent it lân, it
Fryske lân! gyng noch foar him, det stelden se boppe alles. Syn bloed
kroep der ek hinne, wierne syn foarâlden der net berne? hiene oaren der
net lange tiiden húsmanne? Der lei in bân twisken Oranje en Fryslân, hy
wie as in ring en yn ’e bislettenheit fen syn rounte leine skatten
biwarre fen trouwe ljeafde, alles ienfâldich en echt, suver lottere
goud.

Hy biet him op ’e tosken, it moed waerde him fol, nou ’t it ôfskie
taknypte en Hampton Court oan ’e einder fordwoun. Hja hobbelen troch it
lytse London, de onsljuchte strietten lâns en krigen einliks de greate
Tower syn mûrren en toerbulten yn ’t fesier en it blinkende wetter fen
’e Theems. Wetter, altyd frijdom, altyd feilichheit! Ho ljeaf hie hy it
wetter, de Noardsé, dy tsjin de bloune Skeveningkse dunen oanklotste,
de wiide wettergatten om Leiden en Haerlim hinne, de stille dúnkûmmen
yn it Castricummer en Skoorler dún! Leine se net as blauwe eagen him
oan to sjen, as ’r der yn ’t foarige jage op hart ef fokse, in
fleurige, kleurige ruterbinde efter him oan, syn jonges op ’e side en
it moed sa frij, sa rûm as in bliide ljurk yn ’e hege loft....

Strak ansens gyng nou de reis oan, hy scoe tichteby al dizze plakken
lâns farre, in goede kiker scoe se noch tichter by him bringe, mar syn
foetten hjar printen scoene der miskien noait wer stean, likemin as
Ripperda sines yn Fryslân. As in beam, midstroch houwd, sa wie dit hjar
libben ek yn twaën spjalt.

London glied al fierder en fierder foart, de sé kaem tichterby, effen
fen gong folgen syn skip de oare skippen, goed biwapene him as selskip
en help meijown, hwent loerde de Frânskman net oeral?

De twadde joune farden se ticht oan Hollân lâns, seagen selst hjir en
der it wiffe ljocht fen in fjûrtoer. Hja hiene gjin inkeld ljocht, yn
’e kajuten efter de pottichte blyntsjes barnde mar in inkelde kjers. It
folk diich swijgsum syn wirk. It wie sa near det allegearre, krekt as
hie min in deade oan board.

Sa kamen se yn Hamburg en do nei in goed wike yn Dillenburg. ’t Wie
krekt, as ’r yn side foel en it gefolch mei him. Hjir hie hy den
einliks rêst en hwet oars bigearde hy ek net mear. Det syn soan
Frederik, de twadde fen syn jonges, sneuvelje moast yn Eastenrykske
tsjinst as ginnerael, hie him ek in knoei jown, it wierne allegearre
fen dy dingen, dy-t in jierrich minske yn aloane pimperpine slope en de
frisse kreften fen in jonkheit, om der him tsjin forsette to kinnen, de
hope op wûnderbaerlike reddings, och, dy wierne ek al lang forgien. En
de jongeren? Dy lieten de moedfearren ek hingje, songen yn mineur de
âlde wizen. Hy koe se oars neat mear oanbiede as in lyts lean, as se by
him yn tsjinst bliûwe woene en det scoe krûmmeljende wei oppluze wirde
moatte, sunich by ’t waltsje lâns, en dochs! ho ’n goed diich him det!
hja sloegene bliid ta. En bleauwne by him yn syn needrigheit.

Yn ’t lêst fen it jier (1801) skreau hy út Dillenburg wei oan syn
frjeonen yn de Republyk, det hy der gjin bien mear yn seach, as se in
ambt oannamen ûnder it nije bistjûr, det alle war diich, alles wer hwet
yn ’e âlde foegen to krijen en ’t skeel safolle mûchlik to sljuchtsjen.
It wie fen dy gefolgen, det de Oranjeljue wer for ’t earst op in feest
kamen, hwer se wisten, ek Frânsken to treffen, mar den soksoartigen,
dy-t se én om hjar caracter en óm hjar dieden net de hân wegerje
scoene, as se dy útstieken om to fûskjen. Hy wist, partijen stiene yn
it âlde heitelân net mear sa fijannich tsjin inoar oer: it folksregear
wie ôfskaft, det doochde net mear en dy-t nou wer oan ’t roer kamen,
wierne âld-reginten wol fen patriotske kleur, mar net sa fel mear ef o
wûndere rin fen it lot! selst guont fen Oranjetagedienen kamen wer op
’t kjessen. It folk bigoan stadich wekker to wirden út syn
dronkemansroes en bisochte, al hoartsjend en stompend, alles wer yn ’e
âlde foegen to krijen. Hwet wierne sokke tatidings út it heitelân
treastlik! en yn elts herte krige de forhoping fat: scoe der einliks
forlossing komme kinne?

Det tocht Ryklef Ripperda ek faken. It koe noch jierren oanhâlde
ommers, al wierne der nou oare mannen oan ’t roer, út it folk sels as
de sterkste macht moast de omkear foartkomme it prykjende sâlt fen soun
trochsicht en selsbitwang it biderflike yn it aerd fornietigje, den
earst scoe de staet wer soun wirde kinne en nije wegen en nije banen
for in nij bistjûr ré komme to lizzen, om to gean. Wol naem de syktme
in skieding.... mar ’t koe noch jierren dûrje, eart dizze slimme goarre
syn onhurens genezen wie. En dochs....

Ynienen stie de frjemde, nije wirklikheit foar him as in sterk
jongkearel en treau him yn ien triûw de kant út, der it lot him ha woe.
It kaem as in dream.... it oerstjelpte him sadanich, det hy it hast net
leauwe koe. Wer krige hy it brief út de fesjebûs.... en seach nei it
forware antlit fen Ulrich, de jeneveroaljekoop op ’e hoek fen ’e âld
sopha, him sa bikend en o in sé fen oantinkings bigoan oer syn hert to
brûzjen: Bouwekleaster, Wolmoet, de flucht nei ’t frjemde lân....

„Dy letters lige net, jonker,” sei Ulrich dimmen, do-t hy seach, ho-t
de jonker der op om stoarre. Hy hie mear blydskip forwachte by dizze
tynge. Ho hie ’r him spoede de hjitte simmerdagen om hjir to kommen en
de jonker sels it boadskip to bringen! Libbe ’r noch net altyd mei
Fryslân en de Friezen mei en gyng it him ek net nei oan ’t hert, ho-t
se as slaven krûm leine ûnder ’t wrede frjemde regear?

„De tiiden en de herten binn’ gâns foroare der yn ’e lêste jiermennich.
De Jacobijn is der út gisele, der binn’ nou guont, dy-t hwet makker op
’e hûd binne en ’t regearjen wend,” sei Ulrich.

„In minske wol nou ienkear opsjen kinne nei him, dy-t de baes is, lyk,
det lyk regearje kin, is in drôge. Allinne sterkeren en hegeren en
wizeren winne, den kin in minske him bûge,” sei Ripperda stadich. „En
ik mirk al lang yn ’e brieven fen minhear Falentijn, ho-t der ek yn
Ljouwert in omkear kaem wie ek mei troch tadwaen fen Fockema.”

Hy tearde it pompier ris wer út inoar, striek soarchfâldich de tearen
gled en lies noch ris de rigels oer, wylt ’r hjit en kâld fen binnen
waerde, sa nei gyng it him. Earst waerde him to witten dien nammens it
provinciaal bistjûr, syn forbanningsfonnis wie to niete dien, hwer
oanplakking fen dien wirde scoe op it Stedhûs, de Waech fen Ljouwert en
de doarren fen alle stedspoarten en den, det it provinciaal bistjûr him
ûnder it wolnimmen fen Rutger Jan Schimmelpenninck bineamd hie ta
kwartierdrost. De wirden stiene der sa kâld en ûnforskillich en och,
hwet hâlden se dochs wol net yn! Wer as frij man, de holle heech! yn it
heitelân komme to kinnen, heit werom sjen! de Ljouwter frjeonen.... en
Anne.... Krekt as stie se op dit stuit neist him en flustere it „ja my”
sa sêft, det allinne syn jerne harkjend ear it hearre koe. Yn in bliide
fierte seach ’r nou ynienen alles moai en nij. De hiele wrâld strûpte
it âlde tsjustere kleed út en stie foar him, like glimkjend en fol
ûnthjittings as ienkear, lang lyn....

Ulrich bleau in deimennich syn gast en diich hiel hwet saken derby,
hwent de hânnelsman yn him slomme nea. En Ripperda gyng nei syn
Souverein mei it bliide nijs om dy der oer to rieplachtsjen en as ’t
him goed like, tastimming to freegjen, om foart to gean. De Prins
suchte. Wer in banneling, dy-t thús forwachte waerd, wer ien, dy-t hy
miskien nea wer sjen scoe. En syn frjeonen! mei in nuvere mingeling fen
blydskip en drôfenis hearden se nei dit syn boadskip. Biswier om ûnder
dit nij régime in ambt oan to nimmen, hiene se ek net, alhowol hjar de
freez bikroep, it wenjen wer yn Ljouwert koe him ris raer ôffalle. Der
wie safolle foroare, neat scoe hy weromfine fen hwet der ienkear west
hie.

Krekt as loek der in wolken oer syn sinnige, bliide dei, sá foelen dy
wirden yn syn hert. Scoe ’r it oandoare, der nou wer in nij libben op
to bouwen, selst in nij fondamint to lizzen, hwer it âlde, moaije yn
tûzen splinters en grús tofallen wie? Wie der sterk genôch, om det
dwaen to kinnen? Hy fielde him skoarre fen in kreft, sterker as syn
eigen, hy wist, hwa ’t him nou syn wei ek foarskreau, likegoed as de
bittere wei fen syn omswerven, earm en forlitten as in forskoveling. En
hy diich nei Dy syn wil, démoedich en biredt.

Ulrich hie om ’t skik mei de jonker syn help in âld guds bisette kind
en der hysten se him op in goede dei op, it kistje fol medicaminten
hinge him foar ’t liif en in greate sek mei krûden bingele him op de
rêch. Yn syn great hoed, yn ’e foerring, stevich en wol binaeid, hie ’r
in sjou brieven for de Oranjepartij yn ’e útlânnen en op mennich
brieveslûf stie de namme fen Archibald Porter. Earst ried ’r sa mei de
jonker nei Keulen en derfendenne scoene se oanhâlde op Arnhem. De
jonker scoe den de wei mei blydskip gean nei hûs en hy.... hy diich syn
plichten, om leed en freugde wer to bringen op mennich plakken by
frjemde ljue en somwilen pine en smert to forlichten. Ho dielde ’r yn
’e jonker syn lok! ho licht waerde him yn ’t selskip fen dizze jonge
maet de lange reis! Ho forstie ’r syn stilswijen nou en den, syn bliide
laeits ek bywilen, as ’r ris in koartswilich wirdtsje foel, jouns yn ’e
frjemde harbargen by de tsjelke fol wyn, âlde, goede iiskâlde Rynwyn,
hwer ’r de geuren fen Dútsklân syn bergwâlden yn miende to preauwen.

Yn Arnhem gyngen se by inoar wei. De jonker stjûrde syn hynsder it
Noarden yn....

Sá seach ’r him riden, de kante jonge lea yn ’t nau fewielen buis, de
moaije lytse fine holle reabrún fen sinne en wyn, de eagen yn ien
innich forlangst al mar útsjend it Noarden yn, it kâlde hege Noarden,
syn bertelân. Hy draeide him noch ris om, glimke bliid, do drafke ’r
foart. En Ulrich en syn âld guds lieten beide mismoedich de holle
hingje.

Der gyng in jong minske nei syn lok.... en hjir, och sei! in âld minske
nei de dead....

De lêste deis wie de jonker ticht oan Ljouwert ta op it Hearrenfean.
Hjir bleau ’r, liet him in goed miel sette, it hynsder nij bislaen en
yn ’e weide bringe, hwer hy him in hiele dei yn syn wêzen liet. De
postwein joech ’r in brief mei for minhear Falentijn. Hwet scoene se
opsjen! Mar fensels, hja wisten der al mear fen as hysels allicht.
Hiene der miskien sels wol hândiedich oan west, om it safier to krijen.
En de Falentijn’s en de Baerdt’s hiene noch altyd in sterke earm. Jild
brekt in bulte slotten en sljuchtet in bulte sterke stinsen. Ho scoe
fen Rhé ûnder dizze saek stean....? scoe ’t noch ris wer de wraksel
wirde yn dizze lytse sted twisken hjar beiden ef scoe him de lust ta
fordjer en tigersprong foargoed forgien wêze? Ho scoe it tsjinwirdich
stedsbistjûr regearje? En it folk, ho scoe det ûnder al dizze dingen
stean? Scoene de ljue him noch kenne? Hy hie ek sa lang foart west. En
mei wémoed tocht ’r om twa grêven, dy-t it stof ta hjar naem hiene fen
twa fen syn alderljeafste sibben ek yn dizze jierren, Mem en Doedte. Hy
scoe se net mear sjen, fen hjar lippen net in wolkomstwird en ho ’n
ien! mear hearre. It libben yn syn onbarmhertigheit swile ryp en grien
op en de dead diich it noch folle mear....

Hy hie it sa skikt, wykmarkdei wer yn ’e sted werom to kommen, hwer hy
ienkear op sa ’n rare menear as in houn útgisele wie. En nou sa yn eare
werom! in fêste oanstelling yn ’e bûs! In nij forstânnich regear yn
Nederlân oan ’t roer, it militair gesach oan kant en miskien, o hiel
miskien! ienkear it lân noch ris wer frij fen frjemd onrân. Hwet scoe
hy him warre, om in goede, fredige tastân mei to bistindigjen, om al
syn frjeonen, Oranjeljue, ek werom to bringen, Heemstra, Asbeck en al
de oaren, dy-t nou noch earm en onhússittend yn ’e frjemdte omdoarmen.
Tûzen nije plannen makke ’r, wylt ’r sa op Ljouwert, syn âlde, ljeave
sted oanried.

It wie in sinneskyn moarn, de hearrewei fol folk. As in jonge kening
ried ’r mids hjar, al wie syn klaeijing ienfâldich en bistoud, syn
hynsder meager en it túch hwette skibbich en feal, dochs ûnthâlde min
him de earbied net, dy-t in edelman takomt. Stadich ried ’r sa mei de
oaren op, hwet oan ’e kant yn ’t gêrs lâns om ’t hynsder to sparjen.

Der lei Oenemastate yn syn singels en beammen, der yn in bochte fen ’e
wei Barrahûs, der Goutum op syn hege terp. De sinne stie noch net heech
en dochs wie de dei al moai en in kostlikheit om him to bilibjen fen
ûre ta ûre as swolgen, dy-t min drinke scil út in goudene tsjelk,
hâlden fen de ljeafste. De simmer bloeide yn syn felste moaijens, it
lân stie fol blommen, de loft wie fol jong fûgelt, de bou siddere fen
’e nije swierte fen in nij gewaeks, det ieren en kerrels yn mennichte
droech en de âlde stompe toerren hjar klokken letten de jonge, bliide
dei yn.

En der yn ’e heldere fierte....! hy hâldde it hynsder en bleau stean to
harkjen.... der bigoan de Aldehou to brommen. It ljeave, o sa lang
miste lûd....

Syn eagen waerden wiet. It hiele eardere libben, lei it noch net ris
wer op dit stuit as in triljende flinter mei al syn moaijens yn ’t hol
fen syn hân? Seach ’r it net wer, sa ’s it west hie, dit alles, eart it
skaed fen it leed der oer gien wie?

De sted kaem stadich út ’e fierte wei op him ta, earst de brede,
massive toer fen ’e Aldehou, do de heechste huzen, de bolwirksbeammen,
noch foarser, noch skadiger waen en einliks de toerkes fen ’e
Wirdumerdyksterpoarte.

Deagewoan ried ’r oer de brêge, nimmen naem notysje fen him—ho
wûnderlik wie dochs dit alles—en seach efkes skean nei it pompier, hwer
’r syn namme op wiste. It hinge der, in boerke stie der foar to lêzen,
in skiepke oan ’t tou en ’t breedskadich hoedtsje op ien ear.

Scoe nimmen him mear kenne? nimmen in frjeonegroet for him oer ha? Syn
bliid sin sakke, iensumheit bikroep him as in greate spin de bliid
iepenkame blom.... De sted wie him frjemd waen. Der wierne nije huzen
kaem en âlden ôfbritsen. It Saeilân fol hynstestallen like ek hiel
oars, it folk op ’e striette mei dy bulte Frânsken dertwisken, de
frânske úthingboerden foar de winkels.... de frouljue koe ’r ek al net
mear, wierne se ek al fen in oar skaei? Wie der den net ien ljeaf,
bikend antlit, nearne net?

Der ynienen seach ’r in man oerein gean fen in bank ûnder de
linebeammen by de stedsgreft. Krekt as hie ’r der sitten to wachtsjen
en stadich trêdde ’r nei de hearrewei ta, speurende wei it folk
opnimmend. Syn gong kaem him bikend for, al roan ’r stadich en hwette
onwis. Hy seach nau ta, dy prachtige donkere eagen ûnder it sniewite
hier hie mar ien man yn Ljouwert.... Ien sprong, hy wie fen ’t hynsder
en by de wachtsjende man, minhear Falentijn.

„Wolkom bern yn ús heitelân,” sei dy hertlik en gol wei en knypte him
yn ’e hân, as scoe ’r him nea wer loslitte. „Hwet bin ik bliid, dy sá
wer to finen! Kom mei ta uzes en wêz ús gast.... Pronica wachtet al
sont dagen. It scil ús in eare wêze. Dû scilst hjir lege plakken fine,
mar dochs ek noch âlde frjeonen.”

It wie him great, dizze bigroeting fen dizze man. En hy waerde der stil
ûnder. Falentijn seach him fen toside oan, de forfleine jierren hiene
him manliker makke en dochs it antlit it karakteristyke, it blijmoedige
en it bliidbitrouwende net ûntnaem. En togearre kuieren se troch it
folk nei Fâlentijn syn hûs.

Hja seagen Haeije Trompetter en syn kornuten, in stikmennich bêste kij
foar hjar útdreauwend en hja seagen minhear Josua de Metz der
middenmank yn ’e blauwe kyl en skoenklompen oan, hja seagen mefrou fen
Rhé en Sibbel op ’e kuier nei ’t bolwirk ta, hwer skaed en koelte to
finen wierne, hja seagen doctor Falentijn op in licht seaske troch ’t
folk riden, det ynienen rûm baen makke, as gau it in kening en einliks
seagen se Falentijn syn nij hûs parearjen yn ’t moai oanlei tún en der
foar ien fen de finsters, de gerdinen wiid fenien strutsen siet âlde
Regnerus Ripperda en seach út nei dizze syn ljeafste, syn jongste soan.

„Dyn heit is swak en âld waen, Ryklef,” sei Falentijn en it klonk as in
sêfte foarbirieding for yet slimmer tatiding. De skerpe, jonge loaits
fen him hie it al lang markbiten.... op dit stuit wist ’r it.... dizze
dei waerde ien fen heit syn lêste freugden.

De tiid wiisde it út, hy hie net mis sjoen. In wike ef hwet letter
brochten se heit nei syn lêste hûs, âld en sêd fen dagen yn ’t acht en
sauntichst fen syn libben en leine him to rêsten neist syn Hanne. De
âlde beam fortoarre, hie ’r dochs it útsjitten sjoen fen syn nije,
griene loaten.

Ryklef Ripperda diich alle war, om it âlde hûs, hwer safolle
oantinkings oan forboun wierne for him en syn folk, werom to krijen. It
slagge al moi ridlike gau mei Falentijn syn help. En op in goede dei
riisde it lange, smelle skaed fen Minne Pjirkes út in keldersdoarke op
en hy eage syn jonker nei, dy-t de foarstriette lâns gyng.

„Willemke!” raesde ’r, „hwer bistû? Ik leau, ús jonker is wer thús!” en
sa mar mei de bleate holle, de toffels heal oan, fleach ’r him
efternei. En do de jonker op syn mâl gebear omseach en stean bleau en
fluch op him ta kaem, gûlde ’r as in bern, sa bliid wie ’r. En Willemke
en hy skoaiden him oan om for in lyts lean en as ’t moast, sûnder lean,
wer by him to tsjinjen.

En sa waerde dit fet bikûpe. It wie krekt, as rekke in hiel stik fen
Ljouwert wer yn syn hear en fear, nou de jonker wer thús wie en it folk
him somtiiden troch de sted kuierjen seach. In bettere tiid dage....
scoene de Oranje’s, suchte mennichien,—scoene dy ek noch sa ris werom
komme kinne? It gesach waerde smidiger, flijde him mear nei de wil fen
it folk, det syn folk wie. En fen hjar eigen folk koene se ek hiel hwet
mear op as fen dy frânske binde, dy-t hjir nou in jier ef hwet skepper
en skriûwer west hie.

De dagen gyngen hjar gong en ek dizze simmer foel einliks as in forwile
blom yn al hjar ripens ôf en sjoch! it waerde wer hjerst....

De minske kearde yn ta himselme, de útflechtigens fen ’e simmer, de
ongedurigens fen ’e siel, opswypke fen ’e lange dagen en ’e simmersoele
nachten, bisonk ta rêst en it fredige fortoef binnekeamers wie de nije
tsjoen, hwer de minske him jerne ta bijoech.

Stadich kaem ek frede yn Ryklef Ripperda syn moed nei de greate omkear
yn syn libben, dy-t him mear skokt hie as hy sels wol tajaen woe en út
dy frede waerde in forlangst berne, sa heftich en twingerich, det al
syn tinsen hjar der nou by bipaelden. Hy koe it net allinne mear
forkropje en op in joune, do-t Jehannes Falentijn syn gast wie, moast
’r prate, oars scoe ’r stikke.

Hja sieten togearre yn ’e stille keamer. Willemke hie de thé klear set
en in steapeltsje sânkoekjes op in pesleinen pantsje derby. In pear
roazen en in tûkje gielgouden wylde druvebeam yn in kristallen faeske
joech in biwyske fen frouljuessoarchsumens oan ’t great fortrek, al hie
hy sels den ek de blommen sa skikt en de fewielen kjessens fen ’e
greate mahoniehouten sopha sa dellei. Der yn ’e hoeke foar ’t finster
siet ’r jerne mei it útsjoch oer ’e rûmme greiden en ’e kostlike
wolkenbiskûmme loften.

Sá hiene se der faken yn ’t foarige ek togearre sitten en sims woe ’t
der by hjar allebeide hast net yn, ho de woeling fen de tiiden der ek
mar ea in skûrring yn bringe kind hie. En wer wie s’as fen âlds eltse
Tongersdeijoune as in feest, de iene joun fen de lange wike, dy ’t de
minske for himsels redt út ’e sterke brânning fen de woelige
droktmedagen.

„Krekt as hast net foart west,” liet Falentijn him ûntfalle sa mar út
syn tinsen wei. „Alles sa by ’t âlde bleauwn, it hûs, de keamer, selst
dyn tún hast wer yn de âlde sitewaesje, sjoch ’k.”

„Alles gelyk, mar wy sels foroare,” andere Ryklef hwette bitter.

„Nei better den doch, âlde filosoof.”

„Det âlde kin der wol foar wei,” biskrobbe Ryklef him in byt brûkel.
„Dû ûntrinst my net folle, jongkje. Hast ek al in griis hier troch dyn
swarten.”

Jehannes Falentijn seach him oan mei syn rjuchúte eagen.

„It is de skaedside fen myn birop, ik moat altyd it minder moaije, it
ongeve, it biderflike sjen fen ’e minske. Sá sjende kin ik geneze. En
Ryklef, sá scoe ik dy ek geneze kinne, leau ’k, fen dyn hiele slimme
goarre.”

Ryklef Ripperda sprong oerein, read flamme op syn soune brune wangen,
efkes flime der lilkens yn syn eagen.

„Wel noch ta! Ik siik....? Ik yn ’e pogge? Net wiis, dy-t it seit....
al bistû it den ek!” en hy stompte sa foarheftich tsjin de tafel oan,
det de stikken op it skaekboerd trillen op ’e grounfêsten.

Jehannes bleau bidaerd en sei stadichwei: „It makket dy sa yn onstjûr,
myn gesinspyl, det ik scil der mar net mear oer prate.”

„Noustû my earst oerémis makke hast....! Ik hear ’t geslyp al fen dyn
skerp doctorsmes....” bromde Ryklef, wylt ’r mei in min sin wer sitten
gyng.

Falentijn glimke ris en liet it oan it tafal, ho-t syn opsmiten
kûgeltsje fierder rôlje scoe. Mocht it wêze, Ryklef syn hânnelingen yn
fêste, goede banen liede. It bigrutte him, dizze iensumheit wie to
swier om to dragen fen dizze sterke, jonge, oergeve, mar ek oersappige
persoanlikheit, net fen ’e natuer foarbistimd om as in mûnts troch ’t
libben to gean. As ’t wêze moast, scoe hy it mes noch djipper yn ’e
woune sette, sear dwaen, om dizze, dy-t hy ljeaf hie as in broer, to
genezen.

Einliks rekke it spultsje út, Ryklef woan it, mar hy stume noch. En
dochs moast it sa komme, al scoe ’t ek op kreauwen útrinne, prate scoe
’r, syn hiele hert bleat lizze moast ’r. Hwent hwet him skilde, wist
Jehannes net.... it wie hwet slims, it makke him stil en sims bidrukt.
En det nou, alles sa keard ta in goed ein, jubel yn pleats fen
triennen!

„Scill’ wy noch efkes troch ’t tún en sjogge yn ’t waer?” sei ’r en hja
diene de glêzen doar op en kuieren pypkjende wei oer de skelpe paden.
It wie hast folle moanne, de loft heal bilutsen fen wite plûmwolkens as
in stil lân fol snie. De wylde wynbeam hinge mei fjûrreade slingers yn
’t ljochtmoanne waer to blinken en grillige skaden dânsen op en del, as
se hinne en wer soeiden op ’e wyn. Yn ’e fierte rôp in lette skipper
syn hallo! yn ’e stiltme, dy-t ek wie as in wiid wetter, swier fen
sliepende deilûden.

Hja gyngen nou nei de hoeke ta by de stedsgreft en seagen oer ’e
lânnen, hwer de dauwe op tynde en slonk as in wûndere simmerjounssé syn
ebbe en floed. In boatsje kaem der stadich oandriûwen, foar de Westewyn
ôf, in lyts lantearntsje yn ’e mêst en ticht neist inoar op in bankje
in jonge en in fanke, swijgsum en frjemd yn ’t bleek ljochtmoannewaer.
En do-t hja njunken it tún wierne, lei hja hjar holle tsjin syn skouder
oan, patte ’r hjar hoeden yn syn teare, jonge ljeafde as in wynsucht de
hiele teare maitiidsblom.

Stil foer it boatsje foarby.... en swijgsum gyngen de beide frjeonen
wer yn ’e hûs.

By it skymrich ljocht fen ’e kjersen socht Jehannes syn fioele en
bigoan to spyljen. It wie sa bliid en it wie sa droef dit allegearre,
snokkende en jubeljende wei wie ’t it libben sels det song, sa ’s dit
nys ansens yn syn hearlike top fen gloarje oan hjar foarby gien wie....
in jonge en in fanke en in pea, wiksele op in stille joun.... It
mystery fen ieuwen, det de dichters oanroere mei koele fingertoppen en
der fen sjonge, skilders en byldhouwers bisykje om fêst to hâlden yn
kleur en foarm en det dochs mystery bliûwt, de ivige onforgangklike
skiente en dochs yn elts minskelibben de forgangklike flechtige
forskining.

Stil siet Ryklef Ripperda der nei to harkjen en do-t it út wie, sei hy
hiel sêft: „Der scil gjin fromminsk op ierde wêze, dy-t dizze tael fen
dy net forstiet. Hwer wachtest den noch op?”

Jehannes lei de fioele del. „Hwet bidoelst?” sei ’r hiel bidaerd. Scoe
Ryklef nou syn siel foar him iepenlizze wolle?

„Hwerom nimstû net, hwet dy takomt?” wie de wjerfraech fen Ryklef. Hy
sei it mei tsjinsin.

„Ik bigryp suver net, hwerstû hinne wolst. Ik nimme?.... ik hwet nimme?
Us frjeonskip is sa âld en sa yn ’t fjûr lottere, wy hoege gjin
oanloopkes mear to brûken, selst net foar de alderwichtigste dingen. Ik
fen dy.... dû fen my, wy witte alles fen inoar.”

„Alles Jehannes?” en Ryklef syn lûd klonk twivelich.

„Ik ha net ien geheim for dy. Ik scoe net witte hokker.”

„Ek net dyn ljeafde for Anne?” Ryklef flustere it hast.

„Myn ljeafde is mei Doedte bigraven,” sei Jehannes hiel stadich,
neidruk op elts fen syn wirden, dy-t, al ho sear as se him ek dwaen
mochten, dochs koel en wolbiredt der út kamen. „Nea scil ik wer ljeaf
ha.... Ik kin det net.... Det mei.... Doedte wie my der to hillich
ta.... En hastû der mei ompakt, detst ’ek mar ien amerij miene
koest.... O stimper, hwet moit my det om dy en der allinne mei
omtôge....”

„’t Scoe gemien west ha, dy yn ’e wielen to riden,” andere Ripperda.
„Derom swijde ik en wachte en as ik dy seach, tocht ik altyd, der
bringt ’r dy it deafonnis fen al dyn forlangst. En nou is ’t sa....
Kinst dysels goedernôch? Is der neat, det nei Anne útgiet?”

„Der hat noait selst ek mar it lytste twisken ús west. Leauwst my?”

„Jawisse”, sei Ryklef, „al wol ’t der min yn by my, det hja net it
hertsbigear fen eltse man wêze moat.”

Do glimke doctor Jehannes Falentijn. „Noch myn siel, noch myn sinnen ha
ea ten ginsten fen hjar spritsen. It lot hat it net sa wold. Hja is for
dy biwarre bleauwn, hja is frijmakke fen ’e bân.... Ryklef. Hwerom
scoest nou net hinnegean en helje dyn skat.... It bliûwt net altyd
simmer, it bliûwt net altyd jonkheit. Wachtsje net sa lang, as der mear
grize hierren komme en bitûmmele sinnen. Wêz bliid en jong togearre en
bring noch ris fleur yn dizze âld wente.”

En hy krige syn fioele wer op en bigoan to spyljen. Ryklef harke, de
tinsen yn swiete mimerij. En bizich, as ’r hiel inkeld ris wêze koe,
rette Jehannes him dy joune let oan, Spreuken 31 ris goed nei to lêzen
en net sa swiersettich to wêzen en âldmannich. „En dit wie dyn goarre”,
sei ’r optlêst pleagjende wei. „De earste leppelfol drank docht al syn
wirk....”

„En de rekken?” glimke Ryklef nou wer mei in goed sin.

„Dy komt, astû foargoed genezen biste”, pleage Jehannes Falentijn, de
eagen forsêfte fen goedwilligheit, om dizze iensume út syn earmoed to
forlossen.—

Mar it hâldde hwet yn, likegoed as yn ’t skaken bywilen, sette Ryklef
Ripperda de stikken op ’t skaekboerd fen ljeafde ek mar stadich....
hast al to stadich en miste dertroch sims in goede kâns. Den gniisde it
needlot en alle kweageesten gniisden mei. In minske, delbûke fen
tsjinstuiten is in maklik offer en sims gau dreauwn yn djipste delte
sûnder forset.

Mar doch, dizze joun brocht in kear yn syn libben. Hy naem Jehannes syn
wirden yn syn acht en bisocht, syn herte forlangst om to setten yn
dieden.... en Jehannes stibeleare him.

Hy sette in reiske nei Langwar op tou, moast min noch net safolle
meinimme fen ’e hjerst, as ’t mar koe? en mem skreau moije Stine in
great brief, as se der noch in dei komme mochten to jimmetiten en ien
gast meinimme. Yn in postscriptum kaem de namme fen de gast derby en it
forsyk, Anne der neat fen to sizzen. Hja scoe den de ynfierenheit en ’e
ljeave greatskens wol sa fier driûwe kinne en giene foart, as se wiste,
hwa de gast wie.

En nei tsjerktiid scoene se komme, it boat to Balk bliûwe litte, hwer
se de nachts útfenhûzen yn ’t loosjemint, en den geandefoet it lyts
eindtsje fen Balk nei Wyckel ta. Allegear hiene se goede skonken en
Jehannes koe lytse François wol drage, ast moast en oars Ryklef en hy
him wol ris kakkestoelemeije. Moije Stine woe hjar der hiel wol for
fine litte. Trewis wie ’t. De Ljouwters to gast! nifte Pronica, de
doctor, âlde bysitter! En hjar âld hert fleach fol ljeafde Ryklef
Ripperda tomjitte. Hja wist al lang fen Pronica, ho-t dy foarke yn ’e
stôk siet.... dy ljeafde libbe yn hjar herte as in minnedicht fen Cats.
Pearkeknoopjen bleau min sels jong by, in stikje maitiid wie ’t yn in
âld minskehert!

Hja fortelde Anne wol alles, hwet yn ’t brief stie, allinne it
postscriptum.... der liet se gjin wird oer falle. Hja seach út nei de
Snein as in jongfaem nei de frijer en hie hjar noed om it waer, as ’t
ris reinde, en om de boffert, as ’r ris net rees! en om ’e beurtman, as
’r de Rinse wyn ris forgeat!—

Mar it reinde net en ek de oare dingen bisloegen goed.—

De Sneine kaem.... en oars scoe ’r wêze as al de oaren fen it jier,
tocht Pronica en moije Styn frijmitsele mei yn in innichheit fen ien
tinsenrin. De Saterdei’s wierne se al to Langwar kaem yn ’t húske oan
’t wetter en sprongen hjar der yetteris út, stedsljue, altyd yn de
binyptens fen bolwirk en poarten en de joune foeren se oer it blauwe
kleare wetter op Balk yn, de wite tinte moast noch op it skipke en
Pronica hie de lichte omslagdoek noch om, hwent it waer wie noch
simmerich en de loft fen in geurige soelens, as droech hja blomt en
sudersinne yn hjar skerldoek en skodde dy yetteris út oer it gea.

De wolkens spegelen hjar yn it wetter, de jongbisten boarten op ’e
sompen, dy-t as lang útstitsene fingers fier yn ’e mar útwiisden oan ’t
djip ta, hwer se huf krigen fen wyn en stream beide. Wyt en sulverich
waeide der in glim fen sulver oer ’e wylgenmoezen, mar de âld stammen
bleauwne onforweechlik en stoef.

Pronica hie de lytse jonge op ’e skoat en skylde him in lekkere ripe
applekoas en seach yn syn prachtige fewielige eagen Jehannes noch ris
wer jong en nij. Alde Falentijn siet neist hjar yn ’t rountsje fen
Ryklef en Jehannes en forlustige him yn it moaije waer. En sa mar sette
’r yn en de oaren foelen him by:

    De heerlijkheid der hoogste Majesteit
    Zij hoog geroemd en duur’ in eeuwigheid!
    Zij blink’ alom, en kenn’ noch paal noch perken!
    Dat zich de Heer verblijde in al Zijn werken.
    Het aardrijk schudt, als God in gramschap blaakt,
    Wanneer Zijn hand de hooge bergen raakt,
    Slaan zij terstond aan ’t sidderen, aan ’t rooken,
    Inwendig door Gods almacht aangestoken.

    Ik zal, zoo lang ik ’t levenslicht geniet,
    Gods mogendheid verheffen in mijn lied;
    Ik zal mijn God met lofgezangen eeren,
    Terwijl ik nog op aarde mag verkeeren.
    Mijn aandacht zal op Hem gevestigd staan,
    En met vermaak Zijn grootheid gadeslaan,
    Ik zal mij in den God mijns heils verblijden,
    En dag op dag aan Hem mijn psalmen wijden.—

Ho klonk it oer it stille wetter, yn ’e frede fen dizze timpel fen
natuer! hwer Hy likegoed forhearlike wirde koe as binnen de binaude
rûmte fen tsjerkemûrren. Oeral is God ommers, alles hwet der libbet en
sykhellet, docht det folgens Syn bifel, om to kommen en to wêzen. Selst
it lytste blomke hat efkes Syn libbenbringende amme oanroerd, de Wil
fen Syn almachtige skeppende tins field! De fûgel, dy-t der fljocht, it
wetter, det der bliûwt binnen syn lege iggen, de loft, hwer jouns
millioenen stjerren oan flikkerje scille, somliken folle greater as de
ierde, dogge se it net allegearre op Syn bifel as tsjinders, hwaem
earbied en dwaen nei Syn wil en bistel past? Sá tochte Falentijn ûnder
’t sjongen wei.

Stadich gyng ’t oer ’e stille wetters op Balk yn, sims lavearjende wei,
sims, as der boartlike rukjes kamen fen ’e wyn, der it seil spand fen
stie, in bytke flugger, al mar oan mei dy hearlike helderblauwe
hjerstloft boppe hjar en de sinne hiel stadich sakjende nei de
roazekleurige Westereinder.

Wie ’t tafal ef foege it lot it sa? Ryklef Ripperda seach yetteris as
yn in moai frjemd fisioen de dei nei it Wetterlân foar syn eagen, lang,
lang lyn.... Syn wûndere tsjoen, syn blydskip, de sidderjende bigearte
fen do om it lok yn syn flechtige rin to hâlden en do dy hearlike joun
nei hûs der oerhinne, de loksilligens yn syn hert, Anne hjar siel lyk
as sines yn folle iepenheit bleat for it lok as it jonge jier for syn
maitiid.

Ien skûrring fen in wyn.... it hie foarby west.... In kile spjalte de
ienrin fen hjar libbens en dreau se elts in kant út en nou....? hwet
woe it lot nou wer? treau it se nou wer nei inoar ta? Scoe ’t him nou
goedginstich wêze kinne nei sa ’n lang gefaksear? Scoe it?

Sa mimerjende wei oer âld en nij yn syn hert en kâltsjende oer de
onforskilligste dingen fen ’e wrâld mei syn mûle, lânnen se de joune yn
Balk oan en de oare moarne gyngen se stadich kuierjende fen Balk nei
Wyckel ta. Smûk skaden de beammen noch oer de wegen, grien en fris
sprute it gêrs noch ris wer nij op ’e lege lânnen, spand stiene de
beamtokken yn ’e hôven fen ’t dragen fen ’e kleurige, swiere
krûdtsjefrucht!

Lytse François roan boartsjende foar hjar út en doctor Jehannes syn
lange skonken swaeiden tik-en-honk om alle beammen by de wei lâns. Den
kraeide de lytse man it út fen wille en pake en beppe glimken. Mar yn
hjar glimke beefde it skaed fen in trien....

Der sieten se nou yn ien fen ’e hearebanken, Ryklef hwet efter in
pylder, Jehannes neist him en de lytse jonge op syn knibbel. Ryklef hie
syn each net fen it middenpaed ôf, strak ansens scoe se komme en hy se
ien amerij sjen, sûnder det hja ek mar it lytste bilul ha koe fen syn
bywêzen hjirre. Scoe de âlde tsjoen fen ljeafde noch ris wer sprekke?
scoe hjar earme iensume siel hjar lyk as sines noch ris wer flije kinne
nei de nije ljeafde, bitter en swiet fen beiden?

Hy waerde noch ris wer hiel jong, hy Ryklef Ripperda en hy siet der mei
in triljend hert, de eagen net fen de tsjerkedoar ôf en wachte.... It
oargel spile sêft.... in lytse Viola di Gamba song berneftich en
rein....

Do kaem se. Earst de moije, lyts en hastich en foartdaedlik der efter
hja.... Efkes hekke syn hertslach.... do jage syn bloed him fol
blydskip troch de ieren. Det slanke, greate fromminsk, dy bloune
hierren, dy hals syn swânnebocht! o it wie, as kaem mei hjar syn hiele
jonkheit noch ris wer op him ta....

Do seach ’r hjar lyts famke en yn hjar wezenstrekken it hearlike
lijende fen ’e Mem, de benedijde en de smertdragende fen alle ieuwen.
Syn hert waerde weak.

Op itselde stuit sloech hja de eagen op en seach him. En bidaerd wei
liet se de sinnen fen syn eagen yn hjar blauwen skine.

Wie it net in dream, dy middei? It wer mei-inoar praten, it hearren fen
hjar lûd, hwaens ljeave teare fal hy noch noait forgetten hie, en yn
alle koelens en ynfierenens doch bispeure to meijen, det se him gjin
kwea hert tadroech, by ’t iten neist hjar to sitten en it hantsje oan
to roeren, fen ’t soune fleis en bloed blank en waerm en fen blauwe
ierkes trochkrinkele? Alle jierren.... alle forlerne tiid foel wei, der
hie gjin Popke fen Rhé west, noch banneling wêzen, earm en swalkjend yn
’e frjemdte, it wie nou wer neat oars as Ryklef Ripperda en lytse Anne
Hopperus yn ’t koartmillich jurkje en de greate hoed fol roazen.... O!
it hie noch noait hjerst west.... it moast ommers noch simmer wirde....

En do-t dy gouden hjerstdei nei de ein gyng, sei ’r tsjin hjar, hwet
der yn him omgyng. Net in bult omhael fen wirden brûkte ’r ef in moai
opsteld petear.... de tiid hie him it dichterlike uterjen fen ’e jonge
jierren forleard.

„Der is plak for jimm’ allebeide yn myn hert en hûs,” sei ’r der sêft
oerhinne. „It libben is kâld en hird for in minske allinne, twaresum is
it in nochlik paed.... Ho stiestû der ûnder, Anne?”

„It moit my om de jierren, dy-t foarby binne,” suchte hja en bigoan to
skriemen.

Det koe ’r net ha en naem hjar lytse kâlde hân yn syn greate, as woe ’r
hjar sa treast bringe. „En as der nou noch ris tweintich goede jierren
for ús togearre weilein binne?.... Alle greate lok komt dûkende wei ta
ús troch de poarte fen it leed, det wistû dochs ek wol, net?.... Ien
fen myn bigearten is forfuld, det ’k wer yn Fryslân bin. Meitsje dû my
ryk en gin my de oare. Dû jowste dochs ek noch wol hwet om my?....”
„O!....” sei se en ’t wie him, as iepenbiere de wrâld hjar hiele
hearlikheit oan him op dit iene stuit....

En yn de dagen, dy-t nou kamen, bimûrre hy se yn syn ljeafdetinsen as
de sterke beammen fen ’e bosk it de lytse blom dogge, dy-t op in
sinnich plakje yn hjar foarmidden stiet to bloeijen. Hja fielde hjar
nou feilich yn ’e greate, iensume wrâld, der wie in biskermer, der wie
nou in thús oan ’e ein fen de dagen ta. En boppe alles wie der syn
ljeafde. Hiel stadichoan koe se mar wenne oan dy rykdom.... It wie hjar
to great, ja alles wie hjar hast to great en to wûnderbaerlik.—

En do-t it wer winter waerde—wer de lange, bange winter! helle Minne
Pjirkes in âld skaefbankje yn ’e koken fen it greate hûs fen de
Ripperda’s en stevige planken en hy hammere en sage en timmere it hûs
hast út inoar.

„Dû plichtest to sizzen yn ’t foarige, ast ris mei my trouste, scoest
noait wer brol meitsje,” kibbe Willemke en fage jeuzeljende wei it
saechmoal op en rearde de spoennen op in bultsje.

„Det wie al sa dodestiids,” nikte Minne Pjirkes byfallich en ljurke oan
’t slap pypke. „Ik koe do net witte, det ’k noch ris in slydtsje
meitsje moast for in lyts famke, hwette?”

„Nou né,” sei Willemke, „mar in âld griemer bist.”

In dei ef hwet letter slydte Minne Pjirkes de lytse Nelleke fen Rhé it
bolwirk lâns. Op in distânsje foar him út kuiere de jonker mei syn jong
wiif. It like him ta, as kaem nou Ljouwert wer sahwet yn syn âlde
sitewaesje.—




XVI.


In fûgel naem in siedtsje yn ’e bek en fleach der mei foart. It foel
earne del, sprútte, woeks, waerd’ great, waerde in keninklike beam, en
joech in skoft syn ljeaflik skaed oer de wrâld. Seach de moannen rizen
en sinken, seach de jierren en de stadiger rin fen ’e geslachten.... En
op in dei kaem der in stoarm, fûleindiger as de oaren en hy, de âlde
beam waeide om, yn ’e stille nacht, dy-t der op folge, foel ’r.... En
in hopen misten syn skaed en stoarren nei it lege plak.

Sá hie it libben fen âlde Falentijn west. Fol bitrouwen wie ’r troch de
lege, tsjustere poarte fen ’e dead gien nei it ivige libben yn ’e
feilige bystân fen Him, dy-t hy al de dagen fen syn ierdsk bistean
forhearlike hie. Syn ein wie frede.

In frij Fryslân, in frij Hollân, it hie him net mear barre mocht, det
to sjen. Och, it like der nou minder nei as ea tofoaren.

It bistjûr fen Rutger Jan Schimmelpenninck, der wie ek al wer foroaring
yn kaem, nou waerde Hollân in kening taskikt en wol de broer fen
Napoleon, de keizer fen Frankryk. De democratie hjar possenaesje wie
útspile, Berdeau en soksoartigen waerden wer oan kant reard op hjar
eigen plak en ien fen de earste dieden fen ’e nije kening, Lodewyk
Napoleon wie, fen Andringa de Kempenaar to bineamen as haed oer it
„departement” fen Fryslân. De Kempenaars wierne Oranjemannen en hiene
det noait ûnder stoellen en banken stutsen. Scoe ’t nou allegear wer
hwet yn ’e âlde foegen reitsje kinne? hopen de ljue.

Mar de strûp waerd’ noch tichter oanhelle, de keizer dêrre yn Frankryk
moast for al syn geöarloch al mar oan mear jild brûke en hwer scoe hy
det better weihelje as út de forovere ef skatplichtige lânnen! Sa
njonkenlytsen wei kamen der trije en tweintich soarten fen bilêstings.
Sûker waerde fleanende djûr, kofje en toeback, och it waerde allegear
in greateljue’s snobberij en de mindere man koe der op sjen. En hwer
scoe min de bilêstings hast fen bitelje, as in goed keal mar fyftsjin
stûren gau en in gnap rier twa en tritich goune en in fjirder fen de
alderbêste bûter sechtsjin goune! Hwet kaem der op sa ’n menear fen ’t
gemaek tolânne?

De tracteminten fen ’e doomné’s waerden net mear útbitelle, hja litten
earmoed yn ’e útwenne posterijen. De diakenijen hiene gjin jild mear,
om de earme minsken hjar wykliks ûnderhâld to jaen.... sa bisûrren alle
stânnen fen ’e maetskippij fen heech ta leech de oerdwealske dieden fen
1795. ’t Wie al jierren oan nei de bidelte ta gien, mar nou mei dy
frjemde keizer, dy alderfinaelste tramtearder noch fen allegearre, like
it wol, as scoe Fryslân earm makke wirde.

Min mocht ek net iens mear frij útsizze yn ’e krant ef op de
soosjeteit, hwet min op it nij regear tsjin hie, dy-t de mûle hwet al
to fier op diich, waerde op wetter en brea set yn ’t spinhús en koe tou
plúzje, det it fel him fen ’e hânnen raffele. En al mar mear
ynkertierings kamen der wer fen forsutere soldaten, der om de iene ef
oare reden en hokfoar reden sims! de fetweide for nedich wie en nou nei
det rike Hollân tastjûrd waerden to tsjokiten.

En út ’e fierte út Parys rôpen se al mar oan om frijwilligers for it
leger en ek de Friezen waerden der foar spand, om dy to leverjen en se
op hjar kosten út to rissen en ek mar mei de rejale hân. Sá waerde
Fryslân, ienkear frij, ryk en yn oansjen, fornedere ta ien fen de
slaven, dy-t de wrede striemmen fen ’e beul Napoleon op it earme lichem
hagelen.

En itsij yn Parys, ef yn it leger to fjilde, fierde de Corsicaen syn
oerwinnings. Hofolle jonge minsken as der om slachte wirde moasten, om
ta sa ’n oerwinning komme to kinnen, hwet telde det? As hy syn bigear
nei it allinneregear fen ’e hiele wrâld mar ien stap neijer foar him
seach, it mar bilôke yn ’e fierte, den maelde al it oare him net. En
alles slagge.... it lot wie him ginstich, sa ’s it op millioenen sims
ien inkelde der útkipt en alles rynsk jowt ta in tiid ta, om him den
alles to ûntroovjen en ûndergean to litten yn ’e djipste ellinde.

De iene nei de oare bûgden sahwet al de keningen fen Europa foar him,
mar de kening fen Ingelân forpofte it en ek de Oranje’s wegeren him to
earjen. Do-t de keizer to Mainz kaem en der ek forwachte, det him hilde
tabrocht wirde scoe fen ’e erfprins fen Oranje en de foarst fen
Oranje-Fulda bleauwne se wei en bûgden hjar net foar him. Hja hâldden
as echte, rjuchte Oranje’s it mei Ingelân, det hjar en Fryslân yn syn
need bystien hie, safolle ast koe.

Ho waerden se derfor straft en neiriden oan alle kanten! Hwet him ek
mar in bytke mishage, waerd’ weismiten en totrape. Syn wiif dielde ek
det lot en in keizersdochter moast hjar bijaen nei de wil fen de lytse
boargermanssoan, as se tominsen net woe, det hjar lân teistere wirde
scoe fen in oarloch. Lânnen en folken waerden as bûgbere reiden yn syn
hân.... hy spjalte en forienige nei bihagen en nimmen doarst syn lûd
mear forheffe tsjin him.

De wrâld wie stil en biide sa yn slaefske démoed de komste fen immen,
sterker as dizze demon, hwaens bistean allinne kenber wie oan it
fordjer en ’e dea, dy-t hy oer de oerwoanne folken brochte.

En der op in dei, in freeslike dei! wie it ynienen dien mei it útrissen
fen ’e frijwilligers. De Friezen sels, skatplichtich nou net allinne
mear, mar ek bloedplichtich, koene hjar klear meitsje, om ek foar ’t
kenon set en slachte to wirden. It regear hie nou al sont jierren it
heft yn hânnen en wist krekt, hwa ’t jong wie en sterkernôch ta det
swier kerwei fen lange marsen yn fiere frjemde lânnen. Selst it keapje
kinnen fen in nûmmerruilder for sa ’n toalvehûndert goune waerd’
ôfskaft, minskefleis wie mear wirdich as jild, omt it krapper waerde
troch al det oanhâldend geoarloch.

Der klonk in skreau fen ûntsetting.... Hwet wie det? Waerde it nou
yndied wier, hwer Falentijn en Ripperda sa op oanhâlden hiene, det se
mei de patriotske partij ek de dea yn Fryslân hellen en in nameleaze
ellinde, hwer nimmen de swierte en duer fen skatte koe?

Nou barnde it den op ’e neil.... en guont, ienkear hiele hirde razers
as patriot, slûpten stil nei doctor Falentijn ta, as dy ek helpe koe en
de jonge siik forklearje ef se kloppen skytskoarjend by jonker Ripperda
oan ’e doar, it freeslike pompier yn ’e bûs, hwer de namme op stie fen
’e soan, oproppen yn ’e keizer syn wrede en minne tsjinst. Falentijn
woe se net iens to reden stean en by jonker Ripperda kamen se ek foar
de winige doar, de jonker wie net to sprekken—stegere Minne Pjirkes se
koartwei ôf en ien, dy-t wakkere hird raesde, joech ’r smeulende mei:
„Dyn jonge kin nou ek ris ûnderfine, hwet swalkjen is.” En hy paste wol
op en sizze der de jonker neat fen, hwa-t der jouns tsjinwirdich sa al
om de doar strúnden.

Dy hie al genôch lijen hawn yn syn libben, dy moast nou mar ris hwet
kenyntsjedagen ha mei ’t wiif en ’e lytse bern, twa ljeave ondôgense
jonges, hwer syn prûk nea feilich foar wie en dy oaren! dy blauhoazzen!
dy beamkedânsers! lieten dy hjar eigen sûre môlke-en-bak mar
tsjinsinnich opleppelje. Licht hiene se yn ’t foarige wol gniisd om ’e
jonker en hwet him do bidript hie, bireinde nou hjarsels. Sa ’n
sêftsedich man wie ’r net, om hjar to bikleijen, hy ginde it hjar fen
herten by fiifkops mjitte fol!—

In lân, as it syn jonkheit kwytrekket, wirdt oantaest yn syn hertesaed,
likegoed as in beam, kerfd oan it mark ta.... Stadich bledt ’r dea oan
syn woune.... Sá gyng it Fryslân ek—yn 1811 hiene se noch mar
twahûndert en ien en njuggentich man nedich hawn en moasten se twa en
tweintich jier wêze, nou taesten se de jongeren al oan, guont fen ien
en tweintich en tweintich jier.

It bifel kaem sa ienfâldich wei, de biisjager hie in pompier yn ’e bûs
en der de namme fen ’e jonge op, goed yn kalk en cemint, namme en
fan—en hy koe him binnen sa en safolle dagen reisfeardich meitsje,
geandefoet nei Swol en den oer Nijmegen, Antwerpen, Brussel,
Valenciennes nei Parys waerde ’r brocht en den fierder oer syn lot
bislist. Hwet det ynhâlde, der hoechden gjin doekjes om woun to wirden,
it roan út op ’e dead oer in wykmennich ef miskien nei hwet langer
tiidsforrin.

Suver minder as in stik fé....! en en sa opoffere to wirden for frjemd!
Op it eigen hiem fjuchtet it fûl en eigen heitelânserf to fordedigjen,
hwa, dy-t in sterke earm hat en jonge moed, fielt der gjin oanstryd ta,
mar dit wie for frjemd, in frjemde oerhearsker, dy-t oarloggen útlokke,
om syn earsuchtich brein mar wer ien amerij de hearlikheit fen in
oerwinningroes ginne to kinnen.

O ho biseften se nou allegearre de wierheit fen ’e wirden fen âlde
Falentijn, ienkear sei, do-t de patriotten krekt fol freugde yn
Ljouwert ynhelle wierne: „Dy-t gelove en gesach omfear smyt, hellet ûnk
en dead yn ’e hûs en sêfter hie hy der noch op ta sei: „Dy-t frjemd yn
’t regear hellet, wirdt fen detselde frjemd ienkear prest ta
slavetsjinst.” Syn mûle wie al lang stom, mar nou yn dizze dagen fen
drôfenisse, kamen se net út as in profecy!

En dodestiids, de âlde regintetiid, hwet waerde der net op ôfjown,
folle en net genôch! De grytman kening, waerde der húnlake, dy moast de
jonge douwen ha en de fetmeste kalkoenen om Krysttiid hinne. It wie:
licht de hoed! as minhear foarby kaem en: licht de hoed! noch ris wer,
as ’r werom kaem en as ’r skoaide om in stim fen in skotsjittend hûs ef
in kampke lân, den diich min mar gau tsjinstich, hwet ’r woe. Letter
forgeat minhear soks ek net, as min ris yn ’t onleech rekke, den koe
min yen der ek mar frij hinnejaen en waerde net ôfsneutere. It koste ek
sinten, sa ’n kening yn ’t doarp to habben, det wie wier, mar elkmis
hie sines der ek fen, heech en leech krige nou en den in rejael
foarkjefol út minhear syn fol rib en wie der al ris in rare potentaet
ûnder, dy-t hwet al tofolle for master opspile, ea nou, min hie syn
heit en pake skoan kend, min seach hwet troch de fingers....

O mieri, mar nou! It jild waerde yen ôfpûlke fen frjemden en for
frjemden. Gjin sint bleau yn ’t eigen lân. Alle baentsjes wierne biset
fen Frânsken en wylt it eigen folk winters hast omkaem fen honger,
floeide ’r de greate goudstream dochs aloan en alwei mar foart, det út
nei Frankryk ta, hwer in Napoleon der moai waer fen spile. Hja koene
him net, alhowol se yn alle ding de gefolgen ûnderfounen fen syn wil,
in wil, hwaens suggestive ynfloed Leoëftich mei tûzen fangearms oer
lânnen en sëen hinne rikte.

En stadich, noch stadiger as yn de dagen fen it Collumer oproer,
groeide der wer forset. Fryslân wie wol lam slein, mar noch net dea. It
rommele oeral, as fen in broeiërige loft, dy-t him noch net sette wol
ta in swiere bui. It is blokstil.... de sinne skynt noch, al is de loft
ûnderset en grimelich en ongedurich fol gekring fen wite wolkjes as
njirkes hjar sulverige slangelyfkes yn ’t blau omdwelmjend, ont se
einliks yn in fiere hoeke fen de loft kleauwnje ta stivere frjemde
witens.... En wachtsje, ûren, ja sims dagen lang, krekt sa lang, as de
wyn hjar op de wjukken nimt en de wjerljocht syn pylkoker follaedt en
se loslitten wirde oer it stille, hymjende lân. En fordjer bringe en
slimme bisikings en einliks, o dy freugde nei de binaudens fen in
ûrmennich!.... in stiltme, hwer in fûgel út op bigjint to sjongen en de
sinne, sêftgiel fen hiele teare spegeling tsjin de roetswarte loft, út
op bigjint to bloeijen....

Sa broeide oeral forset, al kaem it noch net ta in útdroegene saek.
Utkloarkers brochten it oan, ho ’n wjeraks de ljue net hiene oan it
Frânske gesach en ho min as ’t hjar oanstie, det de Kempenaer syn
affysje oerdrage moast oan baron Verstolk, do-t kening Lodewyk yn 1810
ôfstân diich fen syn troan en Napoleon Hollân mei it keizerryk
forienige. It wie wol goed, as der ris in pynstillingkje kaem op al
dizze seare steden, hwer it folk him fierst tofolle oan gelegen lei,
der moast mar ris „plaisier” makke wirde! Hiene de hearskers fen it
âlde Romeinske ryk det ek net as wachtwird hawn: brea en boarterij!
Hâlden se der de ljue net mei yn de blâns? Stoppet min der ommers alle
folken fen de wrâld de mûle net mei?

En derom hinge Ljouwert yn touwen, dizze Moandei fen ’e tsjiende Juny
1811. Jister hie ’t al feest west, mar nou hjoed scoe de bûter noch
oars jild jilde. De keizer hie yn Maert in soan krige by syn twadde
wiif en fensels ta eare fen dy berte, moast en scoe de hiele wrâld
feestfiere, Fryslân ek, Fryslân, de rike, altyd noch hwet oerhearrige
„provinzje” foaral. It jild for soks, hwer moast it wer weikomme?
suchten de forstânnigen, mar de measten tochten der net iens om.
Plesier meitsje, ien amerij alle noed en soarch forjitte, yen útspringe
as jonge keallen yn ’e maitiidsfinne!

De Prefect, monsieur Verstolk, hie ta eare fen de greate draverij op
dizze heuchlike dei in prachtige gouden swipe útloofd, wol tûzen goune
wirdich en der bleau gjin âld wiif by de spinwiele dy deis. Mesyk oeral
en flaggen by de rûs, de kleurige read-wyt-blauwe Frânske flagge, op in
inkelde sims in keizerskroantsje fen goudtried en kreammen en dissen by
de fleet, krekt as wie ’t al marke. Elts hie frijichheit, to spyljen en
to sjongen, hwer en hwet hy mar woe, it krioelde fen earme Dútske
blaespoepen, fidelders en lietsjesjongers en de iene bisocht noch
hirder to razen as de oare.

De moarne betiid streamde it folk al ta de poarten yn, geandefoet, op
’t hynsder en yn allerhânne soarten fen reauwen, fen it houneseaske ôf
oan ’e hiele forname karosse mei fjouwer hynsders derfoar ta, mar dy
seach min net safolle mear, hwent de ljue, dy-t eren yn sokke karossen
rieden, wierne forsjille, dea, earm ef yn it bûtelân, meast Ingelân,
hwer se hjar greatske rêch net hoechden to bûgen for in boarger
patriot, dy-t alear by heit ef pake tsjinstjonge wie ef hwaens âlden it
kâld iten út de koken taskikt waerde. Snikken, de Frânske flagge yn
top, kamen djip yn ’t hert fen ’e sted op en leine oan by de Nijested
ef de Bier-Kelders en in bûnt gewimel fen fleurige jonge fammen,
allegear yn ’e moaijste pronk, sette kleur by oan dit simmersk
tafrieltsje.

De Nijested, de Wirdummer Dyk en om ’e Brol hinne wie ’t swart fen
minsken, der koe gjin mûs mear by, mar om middei hinne waerde it
stilder yn ’e feestlik mei blommen en flaggen opsierde strietten. Alles
kuiere nei de poarte en den de bûtewei út nei de Marsummer Dyk ta, dy-t
der moai sljucht makke en hird as in telleflier fen it moaije
droechsume waer fen ’e lêste dagen twisken de sappich griene greiden
lei to blinken.

De berms sieten fol mei itende en drinkende ljue, hjir ek dissen en
kreammen by de fleet, gûchelers, hirdrinders en pijassen, dy-t aepkes
yn ’e beammen opfleane lieten, kokyntsewiven en sintsjesmiters, dy-t al
mar oan balten fen on ef even, Peasumer frouljue mei droege skaren, in
hiel great bosk for ien dûbbelstûr, in Frânske lietsjesjonger, skelmige
lietsjes forkeapjende op fjûrread sidene waeijerkes printe,
waffelbakkers, in greate koerfol waffels boppe op ’e holle, in hiele
float lytse jonges efter hjar oan, as der ek ris ien.... o ien mar
falle mocht út dy greate, lekkere koer....

En der in lange rige fen weinen twisken troch wrottend, earst ta ’t
lytse poartgat yn en den der wringende en kantroerende wer út. De
measten hiene der in hys oan, om baes to bliûwen oer ’e hynsders, mar
Roanes Gearts op syn hoarnseweintsje wie ’t en bleau ’t. De brunen
hiene ek al in mars efter de rêch fen fen ’e moarn ôf, seagen net sa
gau spûk, alhowol se nou de earen ek al opstieken.

„Scil ’k derôf gean en hâlde se by de bek?” sei Wytse Binderts yen him.
„Tink der om, de frouljue binn’ der by....”

„To den mar,” sei Roanes. De frouljue, det wie in tear steed. Efter him
siet syn Wolmoet yn al de gloarje fen in splinternij roazeread siden
greinen pakje en in kyps mei kantene beagen en neist hjar siet Teatske
Meinses, nou ek al sont jierren it wiif fen syn kammeraet Wytse
Binderts. En efter op in sêft bikjessene swânnenêst siet Foppe-om
allinne as in âld kening. Minsken, him allegear like nei.... minsken,
der hy mâl mei wie.

Efkes fielden de hynsders de sterke hân, hwer se fen mend waerden,
pynlik yn ’e bek. Njúd wierne se troch de master syn rêst en
bidaerdens, dy-t hja, de dieren, selst fielden yn ’e greep fen dy hân.

Sa rieden ek hja ta de hjitte sted út en kamen wer op ’e rûmte en
joegen hjar nei it pleatske fen in fiere miich fen Foppe-om, Sjoerd
Hindriks, ta en der spanden se út en koene de frouljue earst hwet ta
hjar sels komme nei ’t geskommel fen sa ’n ûrmennich op in minne wei
fol hichten en lichten.

De manljue seagen fol niget, ho fet as hjir de lânsdouwe wie en hokker
skoandere bisten roanen der net by trijen en fjouweren to weidzjen! En
hja koene it net litte, hja moasten der efkes hinne en bisjogge se.

Plechtich bigoanen de swiere klokken[1] fen de Aldehou to lieden en
alle oare klokken út ’e omkrite foelen hjar by. It wie it sein, baron
Verstolk, de prefect fen Ljouwert, ried troch de poarte en nei de
draverij. Op itselde stuit waerde in oeribele greate Frânske flagge op
’e Aldehou hyst, greater as alle fjouwer, dy-t der al op stiene en in
keizerskroan fen blinkjend goud skittere op ’e middelste baen.

 [1] De iene is 7000 poun swier en de oare 4000 poun.

Foppe Lieûwes en Wytse Binderts seagen it allebeide tagelyk en tochten
ek itselde. „Honear scil der noch ris wer in oaren ien komme? ús
oranje, wyt en blau?” flustere Foppe-om Wytse Binderts yn ’t ear.

„As it de tiid is. Bitrou der op. Dy kearel is nou op ’e heechste top
fen lok. By al syn onwettigen hat ’r nou tominsen ien wettige soan, syn
hertewinsk. En nou moat hy yntkoart ek bitelje, likegoed as eltsenien.
Alle minskelik lok keapje wy ommers mei triennen. Lokkich, ast syn
priis wirdich is den.”

„In ding bliûwt net lang op syn moaijst, det ’s wier, mar dy
Napoleon.... Och, wy scill’ der wol mei oantangele bliûwe, hwa wit ho
lang noch,” suchte Foppe-om. „En den altyd det Frânsk, yen earen dogge
yen sear fen ’t harkjen. En de bern moatte it nou ek al leare op ’e
skoalle.”

„Mines kamen langlêsten tominsen al mei sa ’n Frânske heiling thús,
heal hollânsk en heal Frânsk en der stie op:

    „Tot onderwijs der Jeugd bedacht ik deze prent,
    „Mogt deugd en vlijt in haar steeds wonen ongeschend.”

en derneist:

    „Pour charmer la jeunesse j’emprunte cette image,
    „Soyez, mon cher enfant toujours docile et sage.”


Foppe Lieûwes harke raer op. „Sá wirdt it dos de bern al mei de
papleppel ynjown! Dû hast him sikersonk foartdaedliken forskûrd?”

„Wel né, ik biwarje him for aerdichheit.[2] Den kinn’ de bern letter
ris sjen, as se great binne, ho-t wy ûnder Frânske kwiënaesje sitten
ha.

 [2] Dizze heiling is noch yn ’t bisit fen it efterbernsbern Simke
 Kloosterman.

„Dos sa wis leauwste oan in oare tiid?” hifke Foppe Lieûwes him mei in
lyts lûd, hwer dochs de hope yn opklonk fen in tawird.

„Noch wisser, as det ’k dy flagge der waeijen sjoch.... noch wisser, as
det ik jou foar my sjoch,” bifestige Wytse Binderts syn wirden.

Foppe Lieûwes glimke efkes en heal pleagjende wei sei ’r: „Ik bisoude
my oer dyn Frânsk praet, dû biste al aerdich fen ’e tongriem snien en
det in Oranjeman as dû! Ik woe dy yn dit stik fen saken wizer ha,
Wytse.”

„’t Is ek net for myn plesier, det ik adjunct maire bin en commandant
fen ’t Optwizeler corps. It ha der earst for bitanke, sa dryst wie ik
yn myn oermoed. En der kaem in andert op fen Ljouwert.... it wie as ’t
sissen fen in slangetonge. Ien fen beiden hjitte it—ef ik bleau, hwet
ik wie en diich myn plicht folgens eare en gewisse—ef ik kaem yn
Ljouwert, hwer se my ek wol brûke koene, alhowol den fen frij út en yn
gean gjin sprake mear wêze koe. It wie likegoed as in bifel fen
finzenis, as ik net om lyk woe en as sadanich leine de beide officieren
it my ek út, dy-t hiel tafallich yn dy dagen by my ynkertierd waerden
mei twa oppassers der by. Ik tochte om Teatske en de lytse bern.... It
wie it mes op ’e kiel....”

„Det bigryp ik,” nikte Foppe Lieûwes en stadich kuieren se troch it lân
wer op hûs yn, „mar lit ús der hjoed mar net mear oer prate. Ris ien
amerij de soargen oan kant skouwe, ’t is goed for ús allebeide. En
dizze draverij, det ’s noch ris de moite wirdich. It púkje fen de
Fryske dravers komt der, mennich rit wirdt kamp, tink ’k. In moai
hynsder en in moai faem, det binn’ for my altyd noch de twa moaijste
dingen fen ’e wrâld.”

„En dochs âldfeint waen!” pleage Wytse Binderts bizich.

„Det foege it lot sá.... ik woe sa net,” sei Foppe Lieûwes. De earnst
fen dizze wirden foel yn it petear as in kâlde rille. Wytse Binderts
mirk, ho-t hy der in hiele teare snaer oanroerd hie, dy-t noch efkes
lûd joech yn fier mesyk fen ljeafde en wémoed allebeide en hy brocht sa
ongemirken wei it praet op oare dingen.—

De hirddraverij scoe sa ansens bigjinne, hja koene hast net iens mear
in plak krije op it lân, hwer it al swart stie fen minsken. Der kuieren
nou de heechste ljue fen Ljouwert hjar foarby nei in soarte fen tribune
ta, mei goud en flaggen opsierd, officieren en hjar dames, it
stedsbistjûr, de prefect baron Verstolk foarop, dy-t út in forgulde
karosse mei fjouwer hynsders derfoar, stapte en op in fewielene loper
lâns nei syn sit brocht waerd; deftich stapte de maire him efternei mei
syn adjuncten en oare heechheden. De minsken seagen hjar de eagen hast
al út de holle, sa moai wie ’t allegear en sa blonk it! En den dy
frjemde gesichten, de measte patty swart, smel en bleek, útlânners,
kâld de eagen, stoef fen útkyk. Wytse Binderts en Foppe Lieûwes fielden
hjar loaitsen as in hún en Wolmoet tochte om de Twizeler markejoun en
monsieur Dompierre, do-t se ien fen dizze loaitsers syn eagen
flikkerjen seach lyk foar hjar.

Einliks kamen der ek in kloftsje bikenden en frjeonen oankuierjen:
doctor Falentijn en syn jongkje en Andersen en Bet Falentijn en ja
waerliken, de jonker en syn wiif, jonker Ripperda! De hoedden fleagen
ôf, hwet groetene de minsken, krekt as wie dit nou earst de maire! Hy
gyng twisken it folk troch as in jonge kening, wis fen de ljeafde yn
alle herten om him hinne. En dit wie nou syn wiif? As in mearke hiene
se fen syn ljeafde heard, lang lyn en ho-t se inoar dochs noch krige
hiene en nou seagen se hjar libbenliif! yn al hjar ljeaflike blounens
en tearens foarby gean, sels in mearke yn hjar kleed fen sulvergaes mei
greate blaufewielene blommen binaeid en in hoedtsje op, der foelen de
blauwe fearren hjar fen op ’t skouder.

De manljue swaeiden alle trije mei de hoedden, djip ôf, sa ’s se noait
ef to nimmer for ien oaren yn ’e wrâld dwaen scoene en de jonker syn
eagen seagen hjar kant út en krigen se yn ’t fesier. Op itselde stuit
liet ’r syn wiive earm los en hjar foart kuierje mei de oaren en kaem
út it gewoel op hjar ta om to fûskjen. Hwet wierne se op hjar dré, dy
trije!

„Jimm’ komme hjoed mar to úzes om in jounbrogge,” noege hy gol. „Den
kinn jimm’ ús lytse jonges ek ris sjen en scill’ wy âld en nij noch ris
opikkerje.” Det namen se oan, it weromsjen scoe in freugde for allegear
wêze en dizze dei noch namsto moaijer meitsje, as ’r al wie.

It âlderbêste púkje fen hynsders jage de baen lâns, moaije kleurde
dekken op ’e kante rêgen, roaskes oan ’e hoofdstellen, fjûrreade
strikken op ’e knope fen ’e stirt. It gyng der om.... det wie gjin
draven mear! det wie fleanen! en sa ’n kant lyts ding, sa ’n nidige
lytse skimmelmerje sloech se allegear en woan de priis, nei ’t it earst
al ris kamp west hie.

Foppe Lieûwes en syn maten hiene ek hjar geniet fen de moaije dei, al
wie hjar hert hiel ynwindich ek fen bitterheit forfuld, as se der om
tochten, hwet de oanlieding wie ta dit greate feest.

Wille en „plaisier”, ja wol det! fen frjemde rynske hân jown!
„Plaisier,” yn hwet for soartige munte den ek, wer dûbbeld en dwars
bitelle, ho bisûrre mei lijen! For in setsje in fordôvingsmiddel, in
wynroeske en den....

De dis stie oan yn ’t seal fen ’t âlde Ripperdahûs, det seal, fen
safolle freugde en leed wijd ta in wensté yn ’e loop fen ’e tiiden en
de jonker en syn wiif hjar goedmienende eagen seine it de gasten wol,
ho-t dit gelet en geset út it herte kaem. It wie hjar noch net
forgetten, hwaens doar wiid-waech foar him op stie, do-t hy as in
swerfling fluchte moast, hwaens hert goed en bloed for Oranje oerhie,
do-t hy letter kaem as dy syn ôfgesant en der om frege en hokker
jongfaem it west hie, dy-t him yn hjar hûs skutte bean hie yn ’e
uterste need mei foarbysjen fen eigen gefaer!

Nou koe hy ris gasthear wêze en hie in gastfrou, dy-t ek mei oansitte
koe en de tafel kroane troch hjar bywêsichheit. Hy seach de
biwonderjende eagen wol fen de beide jonge manljue en markbite wûndere
skoan de goedgefallichheit yn it lûd fen Foppe-om, as dy ris mei hjar
praette. Der ûntkaem him noait neat, hwet hjar oangyng. Syn Anne, syn
nonke.... eltse dei seine hy hjar bisit, eltse dei in nije freugde dit
hjar bywêzen.

En hwet letter op ’e joun, sjeder, der hiene jy doctor Falentijn, om ek
noch efkes to fûskjen en ek heal en heal út nijsgjirrichheit. Moast ’r
Wytse Binderts syn wiif ek net ris sjen, dy-t ienkear as faem sa ’n
moai Nijjiersdicht fen hjar feint presint krige en Wolmoet scoe der ek
by wêze, hwer Ripperda sa fen opdien hie!

It birouwde him net, kaem to wêzen. Hertlik en gol sieten se der
mei-inoar om ’e tafel hinne en hy fielde ’r him by thús, as hie hy se
jierren kend. En al gauëftich pinfiske ’r ris, wie der ek nijs yn de
gealânnen? Ho hiene se it forkeapjen fen in diel fen ’e tsjerkegoederen
opnaem? ho stiene se ûnder de conscriptie?

„Nou né, great nijs is der net”, naem Wytse Binderts it wird, „it folk
is stom as in mûlbânne houn. Mar derom net, it diich sear, do-t der
safolle fen ús tsjerkejild ús ôftape waerd. En nou det opkommen ûnder
tsjinst! Earst woene se it net leauwe.... it hat spand, om de ljue oan
’t forstân to krijen, hwet der fen hjar easke wirdt. Do-t de earsten
foartgien binne.... ik forjit it noait wer, ho slim as ’t wie. En dy
Frânske officieren stiene der mar by to gnizen. En nou.... guont
bigjinne hjarsels to knoeijen, slagge de topkes fen de fingers, om mar
frij to kommen ef jowe hjarsels sa ’n jaep, det de rjuchterhân for
altyd stiif wirdt. It is in griis.”

Falentijn nikte. Syn antlit stie tige earnstich. „Sa ’n gefal ha wy
hjir in dei ef hwet lyn ek noch hawn”, sei ’r stadich.

It hiele omsittend laech waerde stil, de frouljue biloeken wyt om ’e
noas en lieten de kofje stean, de manljue leine de knyft del en hâlden
op fen kauwjen.

„De jonge fen Haeije Trompetter hat in raer ongelok hâlden. De einen
fen ’e beide foarste fingers der ôf en hat him healdea bledt. It hjit,
de bile is der op fallen, do-t hy oan ’t houtsjen wie”, sei Falentijn
hiel sêft, det de frouljue der mar net al tofolle fen hearre scoene.
„Ik en de feint gien der deis trijeris hinne to útwaskjen en to
forwinen, it is in rare houw.”

„Sels dien?” frege de jonker ongelovich.

„Och, elts tinkt syn eigen, al seit min it net”, helle Falentijn der om
hinne. „Dúfke is gjin minske mear, sa onstjûr en Haeije, och dy glimket
mar en seit: hy hat myn soun fleis, kâld fjûr scil der net by komme en
al wie det sa, ljeaver hjir op ’t hôf as foar de loop fen in kenon
smiten to wirden. It is hjar ienichst bern, al hjar hoop en treast.”

„Scoe Haeije it him dien ha?” en Foppe-om gyng de grize oer de grouwe.

„Det ha ’k net sei”, andere Falentijn moi foars. „Dit is nou al de
fyfte binnen de moanne en der scil noch wol folle mear komme, ha ’k
foar ’t forstân. Ljeaver in hân ef foet misse en thúsbliûwe to kinnen
as yn in frjemd lân yn ’e ellinde.”

Krekt as foel der nou noch greater skaed oer de dochs al mingde
freugden fen de dei. Wytse Binderts tocht om syn broerren, amperoan
wierne se allegear de dâns ûntsprong, for twa jier hie heit for de
lêste noch in nûmmerruilder keapje kend, al wie ’t den ek for twatûzen
goune, hwent elts en ien seach ’t spark do al dwalen, mar ho scoe ’t
komme, as al det geoarloch oanhâlde! Den taestten se miskien dochs noch
wer tobek op de âlderen. Der waerde fen gnute en de jonker hie ’t op
syn fraech bifestige, Napoleon wie fen doel, Ruslân oan to fallen en de
keizer der mores to learen en hy scoe det net oars dwaen as mei jonge,
sterke kreften, dy-t net sa gau ôfbeuld wêze scoene. En yn syn tinsen
treure ’r om ’e jonge Optwizelers, den wer slachtryp for ’t kenon.

De lust om to feestjen forgyng him hielendal, stil siet ’r neist syn
wiif en wie der bliid ta, sjen to meijen, ho goed as it hjar noch
smakke twisken it drok petear yn mei mefrou Ripperda oer ’e lytse bern.
Fiif boarten der al om hjar hinne, fiif brochten de fleur op it greate
hiem fen ’e nije pleats, fen mem yn 1804 bouwd for dizze hjar âldste en
ljeafste soan en der hy de foargevel fen opsiere litten hie mei in
tinkstientsje en der dit rym yn:

    —De eerste Steen van ’t Metselwerk,
    Aan deze Huizing, fraai en sterk,
    Gelegd door Anne Cloosterman,
    Hij is de jongste zoon van
    Bindert Jacobs Cloosterman
    En Anty Wytses, sijne huisvrou,
    De eigenaars van dit gebou.
    In ’t jaar van achttienhonderd vier,
    Toen bouwde men dit Huis alhier.—

Lang om let rekken se wer oan ’e reis en boldere it lichte weintsje oer
’e flinten, de frouljue de skoudermantels om, hwent it loek koel,
Foppe-om allinne, heal yn ’e dod op syn sitselbankje en Wytse en Roanes
togearre op ’t foarhek. Hwet wie der noch in folk op in baen! Mar nei
Hirdegeryp waerde it dochs stilder en op ’e Simmerwei wie gjin minske
mear to bikennen. Neat as iensumheit fen beammen en bosken! Foppe-om
fielde al ris nei syn knyft, fen ’e moarn skerp slipe by de broeksbân
ynstutsen en Wytse Binderts diich fen ’t selde. Lokkich rekken se
libbenliif oer dit min steed hinne en moeten gjin kwea folk. Op ’e âld
Harstewei fielden se hjar al wer as thús. De hynsders bigoanen oan to
heljen, hja roeken de stâl en bihâlden kamen se allegear yn ’t
Bouwekleaster oan, Wytse en Teatske ek, hwent dy scoene der dy nachts
ek mar bliûwe. Mem húswarre by de lytse bern yn Optwizel, hja koene it
der nou mar ris fen nimme.

De dagen gyngen hjar gong, mar as in swiet oantinken biwarren se de
moaijens fen dizze dei yn hjar hert.—

It wie sahwet oardeljier letter, do sette Napoleon syn plan troch, om
Ruslân it leksum op to lêzen. Mei it greatste leger, ea noch sjoen,
rekke hy op reis nei det Ruslân ta. Yn de earste lynje hie hy 325.000
soldaten en den noch wer 200.000 der efter, om yn gefal fen need to
helpen. Sels hâldde hy by Kowno noch sa ’n 200.000 man. Trije greate
brêgen waerden oer de rivier slein en yn goed trije dagen liet ’r der
syn folk oer gean en stiene se op ’e Russyske groun, in tal fen sahwet
400.000 soldaten. Under in wissewasje hie hy Alexander de oarloch
forkleare en dy wachte nou ôf, ho en hwennear de Corsicaen de drystens
ha scoe, yn syn lân to kringen. Den scoe hy huf krije, net om ’e nocht
liet in Czaar him húnje.

Minsken! minsken! noch mear moasten der komme, bioardere Napoleon,
hwent hy fielde it oankommen, dizze keizer wie in kwea partij, lieu en
bear scoene ommers inoar moete en den wirdt folgens russysk folksgelove
it wis de iene syn dead. Mar hy! hy scoe yn greater gloarje ek wer út
dizze stryd werom komme en in nije lauwerkrâns om syn holle flechtsje
litte kinne. Nije gloarje! nije hearlikheit! nije forovere groun for de
lytse kening fen Rome!

Yn det greate Ruslân lei om sa to sizzen nou de bislissing oer de hiele
takomst fen Europa yn ’e forsegele bos fen it lot. Hokker skied scoe ’t
nimme? ja hokker dochs....

Fryslân, it lytse, net sa ticht bifolke Fryslân, koe wer opdrosse for
in tûzen man, hwer ek noch in goed hûndert earme weeskes fen alve oan
fjirtsjin jier ta ûnder wierne, sa ’s it hjitte om nei Versailles
stjúrd to wirden en der it soldaetsjen to learen. It ôfkeapjen wie nou
dien, it wie nou, it skoane, ljeave bern goedwillich wei ôfstean oan ’e
beul.

Sa kaem de winter fen 1812 en op de iensume sniefjilden fen Ruslân
fochten lieu en bear, Napoleon, dy-t him neamde „de Keizer der
Franschen” en Alexander, de keizer fen Ruslân. Hiel Europa seach ’t mei
oan, ho wyld jagen de herten, al bleauwne ek de mûlen stom.... Hokker
kant scoe ’t oergean.... hokker de sege takomme? Wie ’t der net as ien
greate arena en der yn dy twa imperators en efter hjar millioenen, sa
ticht oan hjar lot biknotte, det it ek for hjar dead ef libben
bitsjutte?

En it waerde de dead! Hjir kearde de kâns fen Napoleon...., it diich
bliken, czaar Alexander wie sterker as hy en hy moast bilies jaen.
Moscou gyng yn flammen op, hwer wie nou in ûntwyk for de winter? De
greate Russyske rivieren stjûrden hjar skossen en weagen en namen as
bút ek tûzenen mei en de winter, de felle winter, de sterke bounnoat
fen Alexander wie noch wreder as de greate moardner Napoleon sels. Fen
de Friezen, mei yn dizze stryd, seach hast gjinien syn heitelân werom.
Ho scoene se ek kinne? De hynsders ûnder hjar weisketten ef fen honger
opiten, de foetten bifêrzen, gjin iten noch drinken en den tûzenen ûren
fier fen hûs.... sá moasten se wol oan de dead forfalle.

It alderearste hearde Ripperda fen de prefect Verstolk, ho-t alles der
mislearre wie en útroan op tsjinstuiten en ellinde. It wie noch mar
sinspyljen, hwet hy diich, mar de saek lei der ta en sa drupkjende wei
kaem it nijs, det frjemde nijs, hast net to leauwen. Napoleon forslein?
syn leger fornietige?

„Hwa hie det tinke kind!” sei Mulier út de folheit fen syn hert, do-t
se it der op in joun oer hiene. „Scoe ’t wêze kinne, det de ellinde nou
hast út is en Europa wer rêst kriget?”

„Tinkst, det ien sa ’n tobekset dy Napoleon lam slacht?” sei Ripperda.
„Sa lang dêr noch safolle jonge kearels binne, hwer hy de frije
biskikking oer hat, sa lang hy it folk noch sa bimastert troch syn
suggestive ynfloed, hat ’r ek folgers. Is dy ienkear dôve, den is it ek
dien mei him foargoed. Licht noch ris efkes in flikkering, mar den
wirdt dit admiraelskip ek in wrak, toslein fen tûzen weagen.”

„Du sjochst de saek wol hwet slim yn, leau ’k”, lei Mulier der sêft op
syn dimmene menear tsjin yn.

Mar Ripperda hâldde foet by stik en einliks ornearren hja, de tiid scoe
it den wol útwize, hwa ’t gelyk krije scoe. Hja sieten trijersum yn
Ripperda syn keamer foar it fjûr, Jehannes Falentijn, Mulier en hy. Yn
’t foarige hie ’t âlde Regnerus syn keamer west en in bult wie der net
foroare sont dy tiiden, allinne der hinge nou in libbensgreat petret
fen Anne lyk foar de doar oer en yn in hoeke stie in hobbelhynsder en
lei de groun bisjidde mei bûnte pompiersnipels. Hwa-t der yn dy hoeke
somwilen húsmannen, hoechde min net to freegjen.

Mar sels wierne se âlle trije foroare, âlder, wizer waen en bikipen de
wrâld mei hiele oare eagen as yn ’t foarige, nou as hússittende heiten,
boun oan in deisk bisleur troch femylje ef ambt, dy-t stadich hjar
libben sa foartgliden seagen sûnder in bult hoarten en stuiten yn dizze
hjar bertested.

En dochs! sims! inkeld ris! den waerde de sucht nei aventúr Ryklef
Ripperda hast noch wer ris oermâns, den floddere dy koartwjukke fûgel
noch ris wer yn syn hert op en rekte de hals bigearich nei de fierte,
hwer ienkear de wûndere dreamen lokken, nou al lang forsjille en
ûndergien as bysinnen, in onwesentlik gegûchel fen in wjerskyn fen
ljocht. En dochs....

Anne hâldde him. Hjar ljeafde wie as in teare bân om him, sûnder det
hja it sels wiste en sims wrikte hy al en bisochte it noch ris, mar
slachje woe ’t net. De goudene, tichte skeakels hâldden, hja hiene net
ien tin steed. Hwet der hielendal op ’e groun fen syn hert ommoddere,
hja wist der net fen. Hja wie sa wis fen syn ljeafde, allinne de dead
koe hjir skieding bringe en neat oars.

Do gniisde it lot om Anne Ripperda, sa as it ek gniisd hie, do-t Anne
Hopperus om syn ginste skoaide op in simmerjoun, lang lyn en de gouden
tsjelk oan ’e lippen sette, om him dochs net út to drinken.

En it lot en hja wierne noch net lyk.... Noch ienkear scoe se
wrakselje, it teare moed, it ljeavjende hert him to war stelle moatte
tsjin it lot, det it op hjar forsjoen hie. Hja hie nou it lok, moaijer
as se it ea dreame kind hie en it lot lit him alle bisit djûr bitelje.
Syn priis wie ’t wirdich, mar scoe ’t alle priis wirdich wêze?

De kranten sa fol langstme forwachte, brochten al mar wûnderbaerlik
nijs. Fen it reuseftige leger fen Napoleon kamen mar inkelde tûzenen
werom en de measte officieren wierne sneuvele, sokke tyngen hearde min
en krekt wer thús, stelde de keizer al prikken yn ’t wirk, om noch
greater leger by inoar to krijen, hwent Ruslân en Prusen bigoanen it
mei inoar to hâlden en ek Eastenryk liet it ear wol nei in
trijemansboun tsjin him hingje, oanfjurre troch de âlde adel, dy-t yn
him neat oars seach as de parvenu, de avonturier. Al de haet en de wrok
fen de fornedere lânnen lôge fel op en hiel tomûk, ienriedich, troch
itselde leed troffen en fen ienselde wraekgefoel oanfitere, bigoanen se
plannen to meitsjen om him nou oan to taesten en ta fal to bringen.—

It leed hie al lang op ’e loer lei tichteby it hûs fen ’e Ripperda’s en
yn dy tiiden fen geweldige biroering yn hiel Europa, krige it frij om
op in joun ta de doar fen dit lokkige hûs yn to slûpen en him kenber to
meitsjen. It bilichame him yn in great brief oan ’e Heech Berne Frouwe
Ripperda-Hopperus en lei deagewoan op it sulveren bledtsje, det Minne
Pjirkes yn hânnen hie.

„Hea!” sei Anne en krige it mei in grage taest fen it lytse hantsje
oan, de ridel fen nijsgjirrigens prike hjar ta de fingerseinen út. Fen
hwa wie det? hwa skreau hjar? Sippe femylje bûten de sted kaem sels, as
der hwet to fortellen wie en hwa oars scoe der om tinke en skriûwe hjar
sa officiëel?

Ryklef siet yn ’e hoek to smoken en to krantlêzen, efkes skile se nei
him, krekt as in hiel jong fanke, hwa ’t forbeane kost yn ’e hûs slûke
wirdt....

Hja socht de skjirre út de naeidoas en snie him op.

Mei in skreau fleach se oerein. „Ryklef!” rôp se en hâldde hjar oan ’e
tafel, sa trille se.

Yn in omsjoch wie hy by hjar en sloech de earm om hjar hinne. „Anneke,”
sei ’r treastjend, „ik bin by dy, hwet der ek bart,” en hy skoude in
stoel neist sines en brocht se derhinne.

En sa neist inoar fortelde se it him. Alde fen Rhé woe perfoarst ha,
hja scoe der joun noch komme. Slim nijs hie ’r, der koe se mar steat op
meitsje.... ik hebbe U zeer groote beroeringe omtrent ons allen te
melden.... stie der mei in greate streek noch ris ûnder oan it brief.

„Kom! kom!” treaste hy, „wêz net sa út de liken. Dû kinst derhinne
gean, strak ansens nei kofjedrinken en ’t scil wol net sa slim wêze.
Alde minsken sjogge op alle weishoeken in spûk.”

„Ast mar net hwet is mei Henricus,” suchte hja.

„Ho tinkst det sa?” hifke hy hjar, mar seach hjar net oan.

„Ik wit net, it leit my sa raer op ’e lea, krekt ef scil ús lok in ein
nimme, omt it to moai is....”

„Anne,” sei ’r strang, „dû seist sounige dingen. Hwet der twisken ús
is, kin gjin minske ús mear ûntnimme—al it oare is in bykomstigheit,
det giet wer foarby, al binn’ it den ek leed en swierrichheden. Hwet is
der ús togearre net oer de holle waeid! en binn’ wy dochs net seine
boppe tûzenen? Dû bist in soldatewiif.... wêz sterk. Kinst it?”

„Astû mar by my biste, den kin ’k alles.” Do treau hy hjar oan syn
hert, fûl en tear.

„Hwet bin ik ryk troch dy! hwet bist my alles!” reaunte ’r hiel sêft
oan hjar earke. Sa bleauwne hja der in hiel set sitten, ont ’r wol
wiste, de skrik hie syn macht forlern.

Hy gyng derút om syn jounkuier to meitsjen mei de hounen, sei ’r,
yndied, om sa gau mooglik nei Falentijn’s to gean, as dy ek hwet
bisonders wisten nei oanlieding fen dit brief en gjin ûre letter wist
hy al, hokfor tynge syn wiif der by âlde fen Rhé hearre scoe. „Wie der
in útwei?” tante hy syn frjeon. „Koene se it hjar bisparje? it oer in
oare bûch smite?”

Doctor Falentijn seach him earnstich oan. „It is in slimme saek,
Ryklef,” sei ’r. „In wûndere foeging fen de dingen. Dy tins scil ek wol
by dy opkaem wêze, net?”

Efkes wachte Ryklef mei syn andert, do sei ’r: „Ik ha krekt itselde
tocht as dû.”

„Ik leau, it is ’t bêste, Anne moat it sa gau as ’t kin witte. Lit hjar
joun betiid hinnegean. Om njuggenen hinne kom ik den tafallich noch
efkes by jimm’ oanrinnen, in doctor is altyd treast.”

„Mear as ik den?” sei Ryklef hwette spitich en dochs mei in flau glimke
om de mûlshoeken.—

De joun kaem oan. Syn flauwer ljocht, syn ljeafliker skaden fen
roazereade dizen oer de blaue loft, fen sinneblinkjes noch ris efkes
efter de wolkens wei, yn it Westen rizend as hege berchten fol geweld
en grimmigens, syn sleauwer geande wyn en syn slutende blommen, dy-t
hjar fol earbied bûgden nei mem ierde ta, syn frede, hwer de wrâld him
stadich nei bijoech as in bern nei syn slomme.

De lytse foetsjes fen Anne Ripperda roerden hast gjin groun, sa hird
roan se, dreauwn fen oerstjûrens en eangstme. Hy brocht se en krekt as
wie der yn it ientônige, wisse stappen neist hjar al in greate treast.
Faken kaem se net mear by de fen Rhé’s en Henricus wie hjar selst ek al
in bytsje ûntwoan en ûntgroeid. Hy wie alhiel nei heit en pake útskaeid
en nei pake fetsoen opfoed, in kâlde, ongefoelige natuer, dy-t it eigen
ik as syn god oanbidt.

En dochs, it wie hjar bern.... en it bleau hjar bern, al hie se de heit
nea ljeaf hawn. Alle freugden fen it memme-wêzen hie se preauwn troch
him en de jierren fen hjar iensumens hie hy mei syn aeikes en
tsjotterjend praet, syn lytse ondogensheden en syn oanhalige ljeavens
hjar mei it libben sá forsoend, det se it drage en de man sims selst út
detselde libben weitinke koe. Op hjar jierdei kaem hy altyd en naem
hwet moaijs mei, Krysttiid en inkelde Sneinen ek wol ris, alhowol it
twisken Ryklef en him altyd stiif spul wie.

It bleau hjar earstberne. De ljeafde fen Ripperda fielde sa fyn, sims
forginde ’r dy jonge de krûmmel fen ljeafde, dy-t him skonken waerde.
Den bijegene ’r him sneuterich en bidroefde Anne, mar hy koe net oars.
Hy moast Anne hiel allinne ha en sims winske ’r djip yn syn hert, o
sounich wie ’t! det ’r dy jonge nea wer seach, hwent hy hâldde jimmer
it oantinken wach oan ’e heit, oan ’e greate stryd, ja oan de
alderellindigste tiid fen syn libben, do-t hy ûnderlizzend partij wêze
moast.

Hy seach se weiwirden yn ’e gong, hy hearde for ’t earst yn ’e fierte
wer it lûd fen syn deadsfijan, oars sont lange jierren in forlerne
klank yn syn heugenisse. Ho lôge ynienen de haet wer op yn syn hert! ho
moast ’r him ynbine, om de kweade tinsen gjin fat wer op him krije to
litten en de minsken en dit hûs to forwinskjen! Mar wie âlde fen Rhé
net genôch straft, alles net útsoend mei de dead fen syn ienichst bern,
hwet ’r den ek misdien ha mocht, ek oan him? En hy seach himsels sa
ryk: Anne en de beide jonges! o sa ryk! en syn gemoed forsêfte him om
de âld man. Hy nou in kening en de oare in earme, âlde bidler.

Sa tocht ’r kuierjende wei, wylt ’r wachte op hjar. It dûrre mar in
amerijke, do seach ’r hjar tear, smel skaed al wer yn ’e doar. Hja
fleach sa hird by ’t parradis del, hja seach him net iens. Foart!
foart! fen dit steed, wie ’t krekt as hjar flugge foetten seine. Fol
ljeafde folgen syn eagen hjar en yn in stap twa wie hy by hjar.

„Wiste it?” frege ’r sêft en krige se yn ’e earm. Hja trille as in
popelbled.

„Alles,” andere se dof. „Ik wit, det myn jonge útforsocht is ta garde
d’honneur, ik wit ek, det soks de dead bitsjut. En ik kin him net
misse.... It is myn bern.... o dochs myn bern!”

„Dit wird hie ’k fen dy forwachte, Anne,” sei ’r. „It is my great,
detst sa praetst. En omtst det sei hast, is der nou miskien noch in
útwei. Ik scil dy binuttigje, al kostet det my ek noch safolle. Ik scil
det dwaen om dy en ik kin det dwaen, omt ik dy ljeaf ha.”

„Hwet plan hastû den?” hope se twisken freugde en freze yn.

„Der scill’ wy moarn oer prate, ast útrêst bist,” bisêftige hy. „Ha mar
nearne noed mei.”

Mar hja hie wol noed. Krekt wierne se thús, do diich it bliken, it
herte hie de skok net feneare kind en hja foel foaroer op ’e hirde
moarmeren gongsflier del en swymde. Hy hie it hek sluten en kaem in
stap ef hwet letter en seach se der lizzen. It bloed streame hjar mei
gjalpkes út ’e noas en de mûle, it lytse antlitke like as fen in
waeksen popke, bihalve de poarperen streek, dy-t út ’e mûle sipere en
oer it hirde wyt al mar fierder krinkele by de plint lâns.

Ien foarse swaei, hy hie se al fen de groun en it willeaze lichemke yn
’e earms en gau nei de stille túnkeamer ta op bêd. De finsters stiene
noch op.... de kâlde wyn waeide der ta ’n yn, de kâlde maitiidswyn fen
April. En yn dizze kjeld bigoan se to riboskjen en kaem stadich ta hjar
sels en do-t se wer bigoan to tinken, kaem hjar alles ek wer yn ’t sin
en hja snokte it út.

De fammen droegen linnen lapen oan en sêfte salve, Minne Pjirkes fleach
mei de bleate holle der út nei doctor Falentijn ta en sleepte him suver
mei, by de jounbrogge wei, sa mar oer de striette. „Dea giet se, as
master net komt,” dreau ’r him en roan al hirder en hirder.

Falentijn seach se en hearde fen it dûbbelde ongelok. Sont in dei ef
hwet wist ’r der al fen, det der in stik ef hwet fen de rykste en
fornaemste jongefeinten oanwiisd wirde scoene, om de keizer as
officieren to tsjinjen. De measten wierne oars al fen hjar âlden
frijkoft for tûzenen fen alle tsjinst yn it leger, mar hy rette him út
dit dilemma, mei to forklearjen, det se net oproppen waerden yn
tsjinst, mar by kar „talitten” en „útornearre” for de greate eare, om
as garde d’honneur yn it leger to kommen. Wierne der guont heiten,
ondôgens genôch om hjar soannen net ôfstean to wollen, dy scoene as
finzenen nei Parys ta brocht wirde. Dúdliker koe it net sei wirde. En
Falentijn bigriep, ho ’n skrik Anne krige hie, do-t se fen âlde fen Rhé
hearre moast, Henricus, syn bernsbern dielde ek yn dy „eare”.

„En ho stietstû derûnder,” frege ’r syn frjeon, do-t se efkes yn in
oare keamer gyngen om in pypfol to smoken.

„Sadanich, det ik gien moarn op reis nei de Haech en scil der alle war
dwaen, det Henricus krast wirdt fen de list,” sei Ripperda biredt.

Falentijn stoarre in set nei him. „Det kin ik hast net leauwe,” sei ’r
do. „Det ’s mear, as det de iene minske oait fen de oare freegje kin.
Dû scilst gean en freegje in ginste for Popke syn soan en for syn heit,
dy-t ienkear it deafonnis oer dy útspritsen hat?”

„It wirdt my jown, dit dwaen to kinnen,” sei Ripperda ienfâldich. „Fen
Rhé hat Anne to witten dien, desnoads tweintich tûzen goune yn ’s lâns
kas stoarte to wollen, as ’r Henricus mar thús hâldt. En joun scil ’k
noch nei Verstolk ta, hy moat myn forsiik stypje.”

„Hwet scil fen Rhé gnize!” skodholle Falentijn.

„Ik doch it net for him, mar for myn wiif. As it yn myn macht leit, op
hokfoar wize den ek, scil alle leed foar hjar weinaem wirde. Leau mar,
it kostet my stryd, it is in swier stik, om yensels to oerwinnen. Mar
der is Anne en ik ha se ljeaf. En dû wist as ik, hwet ljeafde is.”

„Ja, wol det,” sei doctor Falentijn sunich en hy tochte om Doedte, nou
al sa lange jierren wei.—

En sa kaem it, det Ryklef Ripperda de oare moarne mei in ekstrapost nei
de Limmer ta ried en sa oer Amsterdam nei de Haech. It barnde op ’e
neil, Napoleon liet syn slachtoffers noait lang tiid fen biried en nei
syn tsjinstuit yn Ruslân hie ’r officieren brek, jonge hjitte kearels,
sterk en strydlustich en soun en geef, om it ongemakkelike
kriichslibben hwet better feneare to kinnen.

Nou easke de Moloch noch hwet oars as de weesjonges, dy-t al by hiele
kloften nei ’t oarlochsfjild tastjûrd wierne en dy-t hjar net forwarre
koene, hwent stiene se net ûnder de macht fen de fâlden? In weesjonge
hie gjin selsbiskikkingsrjucht, hie fen Rhé al ris húnsk sei, do-t ien
him op de knibbels smeke hie, om him net nei dy frjemde lânnen to
stjûren en det wird fen him hie it folk noch mear forbittere. Ek waerde
der sei, hy hie dy Sibren, dy jonge út it Wetterlân, suver twongen om
him frijwillich oan to jaen. En nou wie hy werom kaem en hompele op ien
skonk en minheare en hy hiene op in joun slaende deilis west. O it folk
formakke him sa, ja eltsenien! as dy skarlún syn jonge nou sels foart
moast! En hy, hy scoe him to skrip sette, om det to kearen!.... Kniep
him nou! lit him ek ris jammerje! Ho faken hast dû det wol net dwaen
moatten om him!—fjurre syn kwea-ik him oan. Stadich skouwde in oar byld
foar syn geesteseach: Anne, tear en lyts, op syn skutte en ljeafde
bitrouwjende as op in rots, dy-t fen gjin forwrikken wit.

En bliidmoedich reisge ’r syn wegen en foun oeral de wirden, dy-t ’r to
praten hie, foun oeral it frjeonlike wolkom, mar as ’r oer det oare op
’e tekst kaem, ja den stûke it petear.

Scoe it Frânske gesach, it keizerlike gesach ea neijown wirde kinne,
mei twa mjitten metten to habben? Hwerom de iene der út to kippen en de
oare net? Al wie de pake âld en der mar ien stamhâlder, der hoechde
dochs gjin frijstelling om to folgjen. It wie ommers in eare—garde
d’honneur!—en hwerom der den foar om to krollen? Ja, se koene de âlde
hear fen Rhé wol, sa ’n trou tsjinder fen Frankryk, dy-t der nea in
bien yn foun hie, om in oar syn bern en jild for de goede saek
biskikber to stellen, moast der nou sels hielendal net tsjin oansjen,
as syn bernsbern in eareplak yn ’t keizerlijk leger gind waerde.

En as lêste troef spile Ripperda de gouden kaert út. Hy bea jild....
tûzenen, optlêst de tweintich tûzen goune fen skoanheit as limiet steld
en op eigen manne boete diich hy der noch fiiftûzen[3] goune by.

 [3] Yn tsjinwirdige munte mei inoar sahwet fl. 75.000.

Do glimke de ginnerael, ûnder hwaens „ressort” Fryslân lei. „Der is
noch in bulte jild yn det lytse lântsje oan ’e sé,” sei ’r sa kâld-wei.
„Ik scil det yn myn acht nimme, hwent hjir ha wy soks altyd brek. Mar
in keizerlik bifel.... det is forheven boppe myn macht en jou goud. Det
is wet. Dy stiet by my feilich en noait oan to taesten.”

En der koe hy mei nei hûs gean. Alles om ’e nocht.... it fonnis wie
fallen en gjin forroppen mear mooglik. Mei lege hânnen kaem ’r wer
thús.—

It wie de 10e fen Julymoanne 1813, do-t hy de karosse ynspanne liet mei
it fjouwerspan derfoar en Anne en Nelleke en de beide lytse jonges sels
foartbrocht nei de moije ta to Wyckel. It simmere sa moai oer ’t fjild,
de reis op hjarsels wie al in geniet.

En it ôfskie scoe hjar yn elts gefal bisparre wirde moatte, it ôfskie
mei tromgerattel en mesyk, hie doctor Falentijn sei. De Saterdeimoarne
seach se him dos for ’t lêst yn ’e greate efterkeamer by fen Rhé’s, al
fol brol en onhúslikens fen dizze twongene reis. Fen Rhé siet as in
bleke skimme yn ’e hoek mei onrêstich flikkerjende eagen, syn wiif
skriemde en Sibbel dribbele hastich hinne en wer en bioardere alles en
noch hwet.

Henricus sels, dy bikroade him nearne om. Pake yn ’e hoek, och, sa ’n
forsliten âld man seach tsjin alles oan as in berch en hwet scoe det
nou einliks noch, sa ’n reiske nei Frankryk! Hwet scoe hy him der
útspringe! Miskien moast der ek wol ris fochten wirde, mar hy scoe wol
oppasse en fal del, as der „fal oan” kommandearre waerde. Lieten se mar
oer him hinne rinne, in noas fol moude is altyd noch better as in liif
fol kûgels. Dy-t hird rint, wirdt net strûpt, wie ’t sechje en hjir wie
’t, dy-t falt, is yn hâldershân. En hy seach der ek gjin kwea yn, al ’t
folk hwer hy mar koe, om to keapjen. Pake joech in kaptael mei.

D’âld man siet oars net folle skreau mear yn. Sjeder me, hy bigoan ek
al to skriemen. Och, hy wie ek ta neat mear nut, moast ljeaver yn in
gasthús gean to wenjen en wirde der âld efter in finster mei joadebaerd
en múskeblommen. Hwet diich ’r him ek noch mei libben en maetskippij to
bimoijen! It raesde dochs allegear om him hinne as de stoarm om in âld
hûs. Djip yn syn hert hie ’r de gek mei dizze pake. Hy lake om it wird
„femylje”, sels wie min yen neist, sels it geniet opfoarderje, sels it
libben útlibje fel en hearlik! oan ’e lêste drip ta de wyn út de gouden
tsjelk drinke, alle freugden priûwe, alle langsten bifredigje en den
mar sêd yn ’e groun ef noch better, yn it fjûr, yn ’e sinzjende lôge
forgean, det der net in bonkje fen yen oerbliûwt op ierde....

Hy seach suver nei de Moandei út. De Saterdeimiddei kuiere ’r mei syn
oare „útforsochte” kammeraten[4] yn ’e gloednije, fen goud
glinsterjende unifoarmen it bolwirk in slach yn ’t roun en de joune
joech baron Verstolk, de prefect in feestelik gearset hjar ta eare. Hja
dânsen, det it klapte en de moaije fammen, foaral de Frânsken, wierne
lang net fij, om hjar geandefoet nei hûs ta bringe to litten dy nachts.
It wie kostelik waer en fen ’e wyn binevele, ûnthjitte ’r ûnder
roazegeur en moanneljocht folle mear, as det ’r ea folbringe koe.

 [4] De nammen efter yn it boek.

Fensels wierne der ek al wer guont fen dy stoeferts ûnder, dy-t bitanke
hiene for ’t feest en by heit en mem thús bleauwn wierne to jammerjen.
Him lêste it libben wol en mei syn achttsjin jier tocht ’r noch net om
dea en sokke dommichheden.

Sa kaem de Moandei, de 12e fen July 1813. It mesyk foarop, Verstolk der
sels by mei de maire en de adjuncten, bineffens it heechste militair
gesach fen Ljouwert, diich de jonge helden de eare oan, by hjar ôfskie
to wêzen. Ek inkele heiten wierne der, mar de measten misten de moed,
om derby to wêzen en hjar bern foartgean to sjen. Hjar dierbere bern en
hjir for greatmakke to wêzen....! it wie mear as se drage koene!

Fen Rhé forbiet syn ellinde en brocht sels syn bernsbern. Stiif en koel
foar ’t each stie hy derby en seach, ho-t se hjar reisfeardich makken,
de hynsders noch ris op de nekke kloppen, de pistollen noch ris
ûndersochten en knypeachjes joegen hjir en der, hwer se mar in moai
faem bispeurden. It stie swart fen minsken.

In inkele healwize raesde: „Hertebloed!” Hy waerde foartdaedliken
knevele en sparteljende en razende foartsleept.

Yn ’e stúdzje wei seach fen Rhé him efternei, ho-t ’r oer it Pypke
spartele en sa by it Nau lâns. It scoe wol op ’t Blokhús oan moatte
efterom de Weaze lâns. En sá seach ’r ek Ryklef Ripperda oankommen.
Manlik en foars, deftich en noch jong, al sette ’r nei groeijen en wie
syn gong net mear sa jong en fluch. In man fen gesach, de Drost fen
Ljouwert. To glûp skile ’r nei him, de gelegenheit joech hjar to moai
oan ommers, om it net to dwaen en yn ho lang hiene se inoar net fen
tichteby sjoen!

Der kaem ’r oan, stadich, stie stil by de earmoedzjende man en sei
heech hwet tsjin de tsjinders. Dy sloegen oan en gyngen do foart mei
hjar frachtsje.

Wûnder, det syn eagen suver twongen waerden, om nei syn deadsfijan to
sjen. Soun wie ’r, det seach ’r, lokkich wie ’r, det wiste ’r fen
Henricus, ryk waerde ’r, det seine de minsken, nou ’t earst omke
Hopperus stoarn wie en Anne alles tamakke hie en nou Anne hjar mem wer
widdou waen wie, en by dy twadde man gjin bern hie en Anne dos der ek
allinne erfnamme fen, lytse ljeave Anne. Dy skat naem ’r ek al ta him,
sa alhiel, det hy rekke derby troch, hy bistie net iens mear for
hjar.... Alles, alles waerde him tabrocht en hy....!

As de wjerljocht skeat it troch syn brein: hie hy net ris ienkear
winske, noch ris as man tsjin man foar inoar oer to stean en den in
stryd, dé stryd op libben en dea út to fechten. It heuchde him noch as
de dei fen jister, ho-t Poppéus him fen Anne ôfset hie en.... ek.... o
ho swiet wie it dy joune, om Lefèbre lêst jaen to kinnen, him dea ef
libben him yn hânnen to leverjen en noch ris wer dy Collumer dagen, ho
ticht hie ’r him by him hawn en noch ûntkaem.... As de kat de mûs yn ’e
bisnijing en yn it amerijke fen tapakken formoarde it lot syn plan.

En nou hie ’r dochs syn winsk, hjir wie ’r. Licht stie ’r optslach
neist him! Hy tocht net mear, yn in divelske brânning fen wraek
tosloegen de kweade tinsen al hwet der noch goeds libbe yn syn hert. Dy
hie for syn jonge nei de Haech ta west! jild fen syn eigen derby bean
om him frij to krijen? Há! há, húnlake it yn syn moed, in stimper, dy-t
det leauwt. Dû, bitûfte skerpsjogger, litst dy doch gjin earen oan ’e
holle naeije! Dû bist doch wol wizer!

Ja, hy wie wol wizer. Hy wist wol better, hwet de iene fijan for de
oare docht. Noch djipper yn ’t onleech bringe, noch djipper de kanker
fen ’t leed yn it herte sprute litte, det alles der mei bismet wirdt en
it libben ta in hel en as ’t kin.... as ’t kin en de fijan jowt him
bleat op ien, swak punt mar....

Ta twa kear ta klonk der in skot. It pofte der oer.... de wjerklank
galme oer ’t Breed fen ’e Nijested. Ryklef Ripperda, dy-t him krekt
foaroer bûgd hie, om in âld wyfke de kaei wer to jaen, hjar yn it
gewoel ûntfallen, seach forheard om him hinne, gjin bilul der fen, hwet
der krekt foarfallen wie.

Ien krige him by de mouwe en loek him mei. „Foart, foart!” smeke dy.
„Sjoch net om.”

It wie Verstolk, deawyt en hy mei noch in stik ef hwet oaren skouwden
him fen ’e Nijested ôf de Piperstriette yn, stadich, mar sa mei
oandrang, det hy gyng, al wiste ’r sels net hwerom....

Verstolk bleau sels by him. Hy wie sa oandien, de triennen stiene him
yn ’e eagen. „It wie ien amerij it libben oan in siden tried, myn
frjeon,” sei ’r, do-t se hwet fierder yn it stille strietsje opgyngen.

„Hwaens den dochs?” frege Ripperda fol binijing. En do sei Verstolk
plechtich: „Jowes.” Efkes gyng der Ripperda in rille troch de lea. Sá
yn ’t folle rike libben! sa oan ’e rânne fen ’e dea, deun der oan!

„En is der nimmen rekke?”

Verstolk hinge der tsjin oan, om mear to sizzen. „Ien skot makke in
offer.... ien wie lokkich mis,” sei ’r optlêst.

„Dochs net Henricus?!” rôp Ripperda. O dy jonge! o Anne! Hwa koe hwet
op him tsjin ha.... it wie ommers hast noch in bern!

„It wie út noch yn net for him ornearre,” sei Verstolk nou koartwei,
do-t hy seach, ho forslein Ripperda wie om dy jonge. „It wie for jou,
dy skoaten allebeide.”

Ripperda harke raer op. „Ik ha gjin fijannen,” sei ’r heech en fol
bitrouwen, hwent it wie wier.

„Fen Rhé, det wie jou fijan,” sei Verstolk, en in frjemde earnst dimpte
syn wolmienend lûd.

„Wie?!” Wer fielde ’r eat fen de dead tichteby, it geklap fen ’e skiere
wjukken, de iiskâlde amme fen de man mei de seine....

„Fen Rhé is dea,” sei Verstolk ienfâldich. „It earste skot wie for jou
en fen sa tichteby, it koe net misse. Mar it moast. Ik seach jou
foardelbûgen, krekt dy seconde en it gyng roerend oan jou lâns. It
rekke Henricus, dy-t krekt op ’t hynsder scoe, yn ’e skonk. Och, it is
mar in skampskot, neat om de hakken. En do wie de twadde kûgel for fen
Rhé sels.... Raek.... en det mei dy âlde rideljende hânnen....”

Ripperda trille, it gyng him hast oer de fûst, dit allegearre, hy
winske himsels thús.... hwet miste ’r optheden Anne!

„Forgin my, om nei hûs to gean, as ik kin. lk bin hwet fen de wize,”
sei ’r stadich.

Yn ’e fierte hearde ’r it mesyk, in mars, hwer de garde mei ta de sted
út brocht waerde. Henricus scoe der net by wêze.

Syn skonken fielden as stikken lead en sa kaem ’r thús. Minne Pjirkes
en Willemke stiene gûlende op ’e striette út to sjen en minhear Baerdt
siet deawyt foar ’t finster. Op in draechberje, in hiel escorte fen
Frânsken der omhinne, brochten se Henricus thús. „Ik wol hjir wêze, by
mem,” sei ’r, wylt ’r syn pine forbiet. „Hjir yn dit hûs.”

Minne Pjirkes en Willemke bigoanen noch folle hirder to gûlen en
himsels kroppen de triennen ek oan de kiel ta. „Gûl mar út,” sei der
ien en hy foel yn in greate stoel del en yn in stream fen triennen
tobriek de spanning fen syn moed. Jehannes stie neist him.

„Hwet de dei ús bringe scil, wit allinne de joun to sizzen,” sei dy
oerlangsum. „Henricus leit al yn ’e efterkeamer op bêd.”

„Is it slim?”

Jehannes andere net joartdaedlik.... „Hy is soun en geef, Ryklef,” sei
’r nei in set, „mar om ien ding sit ik yn noed. As der mar gjin kâld
fjûr by komt mei al det nije gûd en det goud fen ’e unifoarm. Der is in
stikje fen yn ’e woune rekke. It is swier forgif, det goud. En de kûgel
sit sa djip, hy is net to finen.”

Ryklef syn earste tinsen wierne for syn wiif. „Ho moat det mei Anne?
Hja moat it optslach witte.”

„Ja wis,” stimde Jehannes by, „en dû moast it sels sizze, det se
sjocht, det dy neat miskearret.”

„Ik gien nou foartdaedlik,” en hy biöardere it hynsder en ried gjin ûre
letter de Nijested lâns.

Hjir hie de dead efkes frij krige, op him to ramen, hjir foege it lot
him démoedich nei de wil fen ’e Gebieder oer dead en libben beide, om
him wer frij to litten, gjin hier to krinken en him mei in oare bút
tofreden to stellen. Efkes hâldde ’r it hynsder yn.... der lei in lyts
plakje bloed, in meager hountsje kaem en slikke der op om....

En oars neat mear fen de tragedy, hjir ôfspile yn in tel mennich.

Hwet harken se to Wyckel raer op, do-t hy der fortelde, Henricus wie
net mei foart rekke, dy wie fen ’t hynsder ôffallen en lei nou mei in
stikken skonk by hjarres.

„En hwerom net by pakes?” Dizze fraech hie hy forwachte en der him
klear op makke.

„Hy sei sels, hy woe ljeaver nei uzes ta,” koe ’r mei in gerêst gewisse
sizze, hwent Henricus hie him sels dit boadskip meijown. Hja hoechde
net to witten, mei ho ’n swak lûdtsje as det sei waen wie twisken it
dwyljen yn.

Stadichoan op ’e weromreis nei hûs waerde se einliks wys, ho ’n omkear
yn ’e dingen der bard wie, al doarst ’r hjar der noch neat fen sizze,
op hokfoar wize fen Rhé oan syn ein kaem wie, mar einliks in pear dagen
letter moast it hege wird der wol út, fen Rhé wie der net mear, hy hie
’t him sa nei naem mei dy jonge, det hy wie dea bleauwn by ’t ôfskie.
Earst wiken letter wie hy yn steat, Anne krekt alles sa to fortellen,
as ’t gien wie.

Henricus syn jong sterk lichem stried noch in dei ef hwet tsjin it
forgif, det yn syn lichem omkankere en hwer gjin doctor Falentijn selst
baet for hie noch immen oars op de wrâld, do joech ’r bilies en stoar
yn ’e earms fen syn mem, dy-t yn al dy dagen net fen syn bêd weiwykte
en in wike letter as ’r foartgean scild hie mei syn maten, fleurich en
wol, lei ’r stiif en stil yn ’e kiste....

Der waerde net iens folle oer praet, de ienling minske syn libben en
lot telde optheden net yn ’t grouwélich biweech fen de tiiden, dy-t
aloan noch fen greater en ôfgryseliker nijs de minsken forbaesd stean
lieten, nou noch forskerpe, troch det Ruslân him mei Prusen forboun
hie, om Napoleon oan to fallen. Ingelân soarge for it jild en det wie
in stipe sa great, wol yn steat moed en selsbitrouwen oan to fjurjen.
Ripperda hearde der fen.... hy tocht om de briefkes fen Porter. It
moaije frije Fryslân fen do.... it wie der net mear, ûndergien yn ’e
wieling fen de tiiden, syn tael trochmjukse fen in Frânsk grienmank,
syn Hegeskoalle to Frentsjer him ûntstellen, der hy twahûndert en fiif
en tweintich jier greatsk op wêze kind hie en syn hiele Fryslân nou ta
neat oars mear nut, as om hege bilêstings op to bringen for Hollân, det
him fet meste mei syn goed.

O ho hope hy ek om al dizze dingen, Napoleon mocht noch ienkear syn
master fine, ien, dy-t him stie, totrape en fornietige, sa ’s in minske
mar fornietige wirde kin! Oan alle lytse en greate riken ek sa fen him
bihânnele, hie hy ’t fortsjinne!

En it bigoan der sa linkende wei op to lykjen. Prusen en Ruslân yn ien
greate skoarjende ienriedichheit foelen him oan, in feit, yn ’e lêste
jierren noait mear bard. Napoleon spriek óp, Napoleon foel oan,
Napoleon woan en Napoleon noch ris, fornietige mei de foet op de nekke,
minske, eigendom en Staet.

Mar nou bigoan, o sa stadich it wetter in oare wei to rinnen.

By Lindenau treffe Prusen en Ruslân it leger fen Napoleon en wirde de
bounnoaten forslein. Noch is Napoleon baes, noch draecht ’r de
keizerskroan, al stiet dy wankelich op de holle. De oerwoanen jowe al
mear en mear krimp, hja stouwe alle kanten út en tosnipelje sa it leger
fen Napoleon. Hjir hwet en der hwet.... de Rus en de Prús gnize. En
hast onwillich wei glydt der in glimke oer it stoefe antlit fen
Blücher, as hy de kaert bistoarret.... Tobek! tobek! commandearet hy en
foarút! foarút! tsjin it nije leger, det al for him klear stiet.

En de dei fen ’e 14e fen Augustusmoanne 1813, de dei foar Napoleon syn
jierdei, falt in nij leger, nou ek noch mei de help fen Eastenryk
derby, Napoleon wer oan. De flucht wie mar in skynfortoan, spjalting
fen it Frânske leger, as ienheit ûnder Napoleon syn bifel in slimme
fijan, tobrokkele yn legerkes ûnder jonge ûnbidreauwne officieren in
nietichheit, det wie it doel. En det doel, det binaderen se nou.

Sweden waerde ek noch hjar bounnoat en krige derfor fen Ingelân in
presint fen fiif en tweintich millioen francs en it hiele lân Noarwegen
op ’e keap ta. Hja scoene it nou mei inoar redde.... it moast....

Yn Mecklenburg stiene 40.000 Russen, 100.000 Sweden, Russen en Prusen
by Berlyn, yn Silezië 200.000 man en by Lintz 40.000 Eastenrikers, fûl
op dizze fijan. En den noch by Praag 140.000 man. Dit wie de earste
lynje en efter dizze kaem de reserve, noch mear as 500.000 man.
Napoleon koe der tsjinoer stelle: 70.000 tsjin Bernadotte, 100.000
tsjin Silezië, by Görlitz ek 70.000 man. Den by Dresden 16.000 man en
de garde, mar 20.000 man mear ûnder persoanlik commando fen Napoleon
sels by Dresden. De measten fen syn soldaten wierne nou de jonge
soldaten, de conscrits, troch freeslike twang oproppen om him to
tsjinjen, sims tsjin hjar eigen folk de wapens op to nimmen en det se
net sa fûl fochten, wie to bigripen.

De earste dagen wie Napoleon noch ris ienkear wer oan de winnende
hân[5] en do.... en do....! Foartdaedlik nei de feestroes oer dizze
oerwinning wer in nije slach en dy wie forlern foargoed. Do waerde ’r
twivelriedich, ho-t ’r scoe en det fielde it leger. De bôge stie net sa
stiif mear spand.... de wrede pylken forlearen de macht, om doel to
reitsjen....

 [5] Hjir foar Dresden sneuvele ek ginnerael Moreau, yn Fryslân
 wolbikend. Hy hie de wapens opnaem tsjin Napoleon, omt dy him do
 destiids forbannen hie nei Amerika en striid nou yn ’e legers fen ’e
 bounnoaten tsjin him.

It bigjin fen de ein bigoan him kenber to meitsjen. O it wie hast net
to leauwen! Utkomst, forlossing, de minsken koéne, doársten der net
mear op hoopje! De rêch wie al hast krûm waen yn slavernij.

Hja skûrden inoar de kranten, de Frânske kranten út de hânnen, sa fûl
wierne se op nijs. Namen de dingen in kear? waerde him syn freeslike
macht wer ûntnaem, sa ’s dy him ienkear jown wie troch de Biskikker oer
minskene- en folkene lot? Koe ’t wier wêze? Blierke der in dage yn ’e
fierte! in dage fen in jubelmoarn?

De postwein wie op in moarne wer yn oantocht fen Grins ôf en Wytse
Binderts stie al by de wei, om de nije kranten oan to krijen. Hwet wie
dy postwein fol en noch ien en noch ien en trije byweinen, in hiele
karafaen!

„It wirdt hjar der to hjit yn Grins, dy naeije al út!” lake de
postillon en fluite it heechste liet. Nuver, det dy Frânsken allegear
foartteagen, scoe it den dochs wier wêze, hwer it praet nou al dagen
fen gyng, it Frânsk regear hie syn possenaesje útspile, de Nederlânnen
waerden frij! O ryk, o hearlik wird, wer frij to wêzen yn tins, yn
wird, yn gelove en regear! Hwet in skat for him, dy-t it mist hat en ’t
den werom kriget!

De Frânske officieren, dy-t noch altyd by him ynkertierd wierne mei
hjar oppassers, om to sjen as hy wol in goede adjunct-maire útmakke,
seagen skean by de noas del, do-t se al dy hege Frânsken der yn ’e
postkoets markbiten en nou ek al mei eigen span hjar foarbyriden
seagen. It bigoan op de neil to barnen, hja stiene it spul net mear.
Hja praettene hwet mei inoar en gjin healûre letter stiene hjar
hynsders al mei ’t seal op. Wytse Binderts seach it en liet ek syn
rydhynsder optuge. De iene officier wie noch altyd it haed fen alle
Frânsken yn hiel Achtkarspelen en syn gast en achting wirdich, al wie
’r in Frânskman en dos ried hy mei.

„Noch binn’ jimm’ op myn noed,” sei ’r, „en der scil jimm’ gjin hier
krinkt wirde, mar gien nou foart. Ik bring jimm’ nei ’t hûs ter Heide
oan ’e Simmerwei, den ha ik myn plicht dien.” En hy liet hjar de
kranten lêze. En hja bigriepen, al dy minsken wierne al fluchtelingen,
foarrinders fen tûzenen, noch op kommenswei.

    „Oranje boven,
    De Frânsen yn de oven,
    De Frânsen yn it fjûr,
    En de Prinsljue dy bliûwe oer!”

songene de bern yn ’e bûrren, do-t se foarby rieden en makken lange
noazen tsjin de officieren, mar de greaten hâldden hjar fetsoenlik om
Wytse Binderts, dy-t mei hjar ried.

Der gyngen se.... in stik libben en leed namen se mei. En der kamen al
mear en mear, de hearrewei roan fol, frânske ambtenaers, officieren, in
ginnerael mei syn hiele eigenwize staf, gens d’armes, de measten mei
wiif en bern. It folk waerd roerich, hja bigoanen spotlietsjes to
sjongen en keilen hjar stiennen efternei.

Sa rekke Optwizel syn ynketiering wer kwyt yn in dei twa, hwer se
achttsjin jier mei oantangele sitten hiene. Guont minsken gûlden fen
blydskip, it wie den ek wol de útredding út de greate need.

En do kaem de moaije moarn fen de Woansdei de 17e fen Novimber 1813.
Earst lei der hwet in dize oer it fjild, mar dy loek op en de ljeave
wintersinne skynde op de hirdfêrzene wei en de keale beammen, op ’e
pleatsen en ’e huzen, sa fredich op hjar hoarnlegers en hiemkes en nou
suvere fen alle frjemdlânsk gespús.

Wytse Binderts kaem der oan mei de feinten, elts mei in grude strie
ûnder de earm en dy bounen se oan in beam by de wei. Fierders liet hy
der trije ammerfollen wetter by delsette en stjûrde de feinten by de
streek lâns by al de geseten ljue, om itselde to dwaen en net binauwd
to wêzen, hwent dy-t nou kamen, al wierne se rûch en rou, mienden it
goed mei Fryslân.

En tsjin de middei, der kamen se oansetten op hjar lytse taeije
kedtsjes, sa ’n fyftich Kozakken[6] ûnder bifel fen hjar hetman Jesouw
Rebreef. Hja seagen it strie en it wetter by de wei.... it wie in tael,
dy-t se forstiene, in tael sûnder wirden, dy t hjar noege en gjin
ketier letter founen se yn de greate skûrre hjar leger spraet for de
nacht en de tafel oeral oanrjuchte en for de oerste in sêfte rêststé yn
’e hûs by Wytse Binderts.

 [6] Historysk. Kozakken waerden húsfeste yn Optwizel, de Koaten en de
 Tille.

En sa gyng ’t by eltsenien. Oeral wolkom, oeral gastfrij oanhelle.
Wierne se net de bifrijers? bigoan fen de steppen net de fiktoarje?

Napoleon! it wie in namme, al skiednis waen. Mar Oranje! it wie de
namme fen de takomst! de namme, yn sa lang net útspritsen, der om lit,
om fochten, om bidden wie....

En nou! nou! de 6ste fen Decimber 1813 waerde de Prins fen Oranje as
Kening Willem de Earste ta souvereine hearsker oer ’e Nederlânnen
útroppen.

Do wapperen de oranjeflaggen wer op de Aldehou, do letten de klokken
wer for in soan fen ’t eigen folk. It wie it feest fen de bifrijing fen
it jok, de frjemde twinger syn possenaesje foargoed útspile.

En op alle toerren en toerkes hiel Fryslân oer, blonk it bliide orange,
blanche, bleu. De read-wyt-blauwe flagge waerde fortrape, de keizerlike
earnen stikken slein en it folk húnde, dy-t Frânsk prate doarst.—

Alde Foppe Lieûwes, krebintich en rimmetikich, kuiere op ien fen dizze
dagen yn syn finne en seach it hear oer. Nou wie it den sa fier....

Hy stoarre yn ’e fierte. Der lei Eastemar en op ’e hege toer, der
floddere in kleurd fodsje gûd yn ’e wyn. Oranje wie ’t, O-r-a-n-j-e. Hy
seach it. O hwet wie it him great....

Syn foetten gyngen hjar lêste paden yn ’t twa en tachtichst jier fen
syn libben, mar dizze dei wie de moaijste noch fen syn hiele libben,
dizze earste dei fen in jubeljier, hwer in frij folk him út frije wil
oan in nije Souverein forboun.

En hy krige de âlde snúfdoaze noch ris wer út de bûs, foar sa lange
jierren to Ljouwert koft yn de heechste ellinde fen syn earm lân en hy
lies it ferske yetteris, det der yn stie, nou gjin ûnthjit mear, mar
bliide forfulling:

    Al ben ’k tot spot, al ben ’k tot hoon,
    Ik zeg: Oranjen houdt zijn kroon!
    Een boom is ’t, die te groeien staat,
    Waar men wel menig tak afslaat,
    Maar hoe men knot en kerft en snoeit,
    d’Oranjeboom nog eeuwen bloeit!—




OANTEIKENINGEN.

List fen Persoanen, oppakt by it Dockumer oproer en finzen set yn ’t Blokhús to
Ljouwert.

Sipke Basseleur, Bolswert
Petrus Adrianus Bergsma, Damwâld.
(de ôfsette Grytman),
jhr. H. B. fen Sminia, Aldtsjerk.
M. fen Scheltinga, Hearrenfean.
jhr. G. F. fen Asbeck, Ljouwert.
jhr. T. M. Lycklama á Nijeholt, Aldeboarn.
jhr. De Kempenaer, de Limmer.
Johannes Kamerer, Ljouwert.
jhr. Willem fen Haren, Wolvegea.
B. Suiderbaan, Dockum.
A. Muller, Dockum.
jhr. J. P. A. fen Haren, Rinsumageast.
Frederik Vast, Ljouwert.
Eiso de Wendt, Collum.
E. S. G. J. baron Rengers, Ysbrechtum.
jhr. L. E. fen Scheltinga, Stynsgea.
jhr. R. fen Lijnden, Beetstersweach.
W. H. fen Hambroek, Ljouwert.
Jacob Bosman, Nijegea.
A. B. fen der Vegt, Beetstersweach.
Gerlof Eiberts, Eastrum.
Wytse Jelles, Ingwierum.
Jan Johannes, Ingwierum.
Jacob Gerrits, Nije Silen.
Mient Geerts, Nijawier.
Pieter Pieters, Nijtsjerk.
Jan Ybeles, Streek by Dockum.
Boate Sijbes, Anjum.
Johannes Daniels, Nijtsjerk.
Pieter Lolkes, Ingwierum.
Sjoerd Roelofs, Dockum.
Jetze de Vries, Dockum.
Freerk Harmens Bok, Dockum.
Ruurd Ljibbes, Collum.
Eabele Eabeles, Augsbuurt.
Steven  Sjoerds, de Koaten.
Nicolaas Schotmans, Boerum.
Joege Innes, Boerum.
Tjeerd Meter, Collum.
Albert Hendriks, Boerum.
Alle Sjoerds, Collum.
Sjoerd Jacobs, Collum.
Rudolf Ritsma, Collum.
Louwe Johannes, Wester Geast.
Jan Jans, Collumer Aldsyl.
Oeds Gaeles, Collumer Terp.
Gerke Hendriks, Collum.
Jan Lubberts,    ”
Jemke Rommerts,    ”
Broer Clazes,    ”
Claes Jans,    ”
Jan Andries,    ”
Djoerd Tjepkes, Westerein.
Joh. Christ. Sperling, Folkershiem.
G. fen Graffenberg, Nes.
Jan Harmens,    ”
Rijkele Minzes,    ”
Jan Tjeerds, Wierum.
Jan Lieûwes,    ”
Monte Alberts, Nes.
Jan Eelkes, Wierum.
Jan Jelkes, de Koaten.
Willem Oebeles, Iestrum.
Tjeerd Lammerts, Surhuster Fean.
Ein Johannes Pijl,    ”
Ouwe Johannes,    ”
Pier Douwes, Koatstertille.
Johannes Hendriks, Surhuster Fean.
Gerrit Boukes, It Wytfean.
Gerben Barts, Optwizel.
Foppe Ydes, De Pein.
Lammert Lammerts, Birgum.
Jan Oostfries, Aldtsjerk.
Hendrik Lieûwes (hat Dockum opeaske), Ikkerwâld.
Rienk Tobias, Ikkerwâld.
Eibert Falks, Driesum.
Rinke Willems, Wouterswâld.
Johannes Ykes, Ikkerwâld.
Brant Oebeles, Driesum.
Durk Hylkes, Rinsuma Geast.
Petrus Jacobus,    ”
Marten Joukes, master en doarpsrjuchter, Driesum, yn ’e finzenis
  stoarn.
Anne Hiddes, Ikkerwâld.
Brant Sijberens, Driesum.
Cornelis de Bree, Damwâld. op oanstean fen grytman Bergsma oerkaem fen
  Amersfoart, om de ljue it sûkereibouwen to learen.
Rintje Poort, Damwâld.
Sijbe Minzes, Wouterswâld.
Meindert Willems,    ”
Alexander fen Giffen, Birdaerd.
Johannes Andries, Wouterswâld.
Gjalt Hendriks, Kûkherne.
Claas Gerks,    ”
Hendrik Harmens, Feankleaster.
Jan Binnes, (ûntholle), Aldwâld.
Jacob Hanzes, Noard Drachten.
Roel Rinderts,    ”    ”
Tys Johannes,    ”    ”
Tjeerd Rinderts,    ”    ”
Johannes Pieters, Mitselwier.
Douwe Eabeles, Peasens.
Aant Jans, Eastrum.
Durk Boukes, Ie.
Auke Aukes, Peasens.
Pieter Banjers, Coll. Nijlân.
Gerben Mients, Wester Geast.
Ottoco Blom, Collum.
Jan Jans,    ”
Jelle Simens,    ”
Lolke Pieters Holwert.
Gerrit Pieters, Nes.
Johannes Sjoerds, Siegerswâld.
Durk Cornelis, Ureterp.
Iede Rinzes,    ”
Nicolaas Jacobs,    ”

De listen fen de oare gemeinten en persoanen, dy-t meidien ha oan
’t Collumer oproer, binn’ net mear to finen, wol de list fen ynlevere
wapens fen dy gemeinten en folget hjirûnder.

                        gewearen    pistollen    sabels   tongerbossen
Achtkarspelen            89         28           30       1
Engwirden                30         5            5        —
Barradiel                76         20           40       6
Baarderadiel             95         34           40       5
it Bildt                 70         6            21       3
Bolswert                 19         12           29
Collumerlân              200        16           39       13
Dantumadiel              81         14           28       2
Doniawerstel             47         7            7
Dockum                   15         9            26
Ferwerderadiel           112        13           19       3
Frankeradiel             73         25           32       2
Franeker                 32         15           36       2
Gaesterlân               77         15           28       4
Hennaarderadiel          53         25           31       6
Hemelumer Oldefeart c.a. 42         9            1        6
Haskerlân                64         19           19       4
Harns                    34         5            56       5
Hynljippen               9          3            1
Idaerderadiel            42         28           23       1
Drylst                   19         11           7
Ljouwteradiel            100        36           47       1
Limsterlân               62         171          30       1
Ljouwert                 102        89           204      15
Menaldemediel            35         5            4        8
Opsterlân                189        44           38       6
Raerderhim               43         1
Smellingerlân            90         13           9
Skoaterlân               133        18           19
Eastellingwerf           77         17           12       6
Weststellingwerf         127        32           15
Snits                    31         14           50       67
Starum                   16         10           6        3
Sleat                    18         11           6        2
Tyttstjerksteradiel      193        28           60       6
Uttingeradiel            64         31           14       5
Westdongeradiel          144        25           28       3
Wymbritseradiel          110        18           21
Warkum                   27         12           10       1

Jan Binnes is foroardield op ’e folgende feiten; nei de origineele
processtikken oerskreauwn, birêstende yn ’t Ryks-archyf. Ynkoart sa:
.................. heeft zich (Jan Binnes) aan ’t hoofd van een bende
gesteld met geweren, vorken, seizen, snoeimessen, is met de sabel in de
vuist de Rechtkamer te Collum binnengedrongen, den preses van ’t
Geregte Jacob Ellens met de dood heeft gedreigd, bijaldien Jacob Ellens
niet zeide, wie tegen Abele Reitses had getuigd. Het gepleegde geweld
heeft ten gevolge gehad, dat Abele Reitses is ontzet.

Gevangene heeft zich daags daaraan weder met een oproerige bende
muitelingen te Collum laten zien en heeft toen uitgemunt in
oproerigheid en geweld—is met die bende naar Collumer Verlaat gegaan,
heeft het huis van Abele Keuning geplunderd, gestolen, gevloekt,
gedreigd om alles in brand te steken, tegen de huisvrouw van Abele
Keuning gezegd: „Duivels beest, wat beweegt mij, dat ik dij de harsens
niet insla”. Dat de gevangene met licht in ’t hooi gezocht heeft, om
Abele te vermoorden, terwijl hij met een vork in ’t hooi stak,
zeggende: „binn hjir ek divels yn ’t hea?” dat de gevangene vervolgens
het gestolen goed met de anderen verdeeld heeft en zich beroemd heeft,
captain van de gansche bende te zijn en dat in ’t heele huis geen
Patriottenbloed zou overblijven.

Vonnis:

Om bij den scherprechter op ’t schavot geleid en onthoofd te worden.

Dezelve klager:

J. H., Ureterp.

18e van Februari 1797.

Vonnis van Marten Joukes, schoolmeester en dorpsrechter te Driesum: om
op het schavot geleid en strengelijk gegeeseld te worden en eene
straffe van gevangenis van vijf jaren.

De 18e van Maart 1797.

Cornelis de Brée van Dantumawoude fonnis: strengelijke geeseling en
eene straffe van gevangenis van vijf jaren.

De 18e van Maart 1797.

Aant Jans, huisman te Oostrum, terzake Collumer oproer gevangen gezeten
van 8 Februari tot 31 Mei en tegen een borgtocht van honderd zilveren
ducatons vrijgelaten. Processe als voren voor den Hove van Friesland
III.

Jan Binnes hat him folgens oerleevring noch trije dagen lykme allinne
fordédige tsjin in greate binde patriotten mei as ienichste wapen in
heafoarke. Do-t hy oermastere wie, is hy oan de stirt fen in hynsder
boun en sa nei Ljouwert brocht. Hy is op in Saterdei stoarn, de
wykmarkdei.

Officieele list fen Persoanen, Prinsljue, biboet fenwegen hjar meidwaen
oan ’t Collumer oproer.

Optwizel.
                           gounen        stûren        duiten
Alle Renses                  47      —     16      —     4
Auke Piers                   47      —     16      —     4
Sjoerd Mients                23      —     18      —     2
Jan Sjoerds                  6       —     13      —     14
Jan Gerbens                  6       —     14      —     12
Auke Lubbes                  5       —     14      —     12
Jan Hemkes                   19      —     18      —     2
Pieter Hendriks              4       —     15      —     10
Albert Lucas                 4       —     15      —     10
Jan Hendriks                 14      —     6       —     14
Folkert Douwes               3       —     16      —     0
Lubbert Willems              10      —
Gerben Hendriks              9       —     11      —     4
Boate Johannes               11      —     9       —     8
Wolter Jans                  47      —     16      —     4
Bindert Jans                 47      —     16      —     4
Tjebbe Jans                  23      —     18      —     2
Gerrit Geerts                22      —     19
Brugt Hendriks               9       —     11      —     4
Lubbe Reinderts              4       —     15      —     10
Reinder Lubbes               12      —     8       —     10
Gerrit Gaukes                5       —     14      —
Roel Lubbes                  7       —     13      —
Egbert Sijes                 19      —     2       —     8
Inne Pieters                 5       —     14      —     12
Atze Jans                    14      —     6       —     14
Bauke Baukes                 9       —     11      —     4
Gerrit Harmens               12      —     0       —     10
Gurke Durks                  5       —     14      —     12
Teake Harmens                12      —     8       —     10
Rinze Wiebes                 1       —     19      —     2
Pieter Wytses                47      —     16      —     4
Jan Hylkes                   5       —     14      —     12
Jelle Durks                  4       —     15      —     10
Koenraad Beuling             7       —     13      —
Ludzer Sjoerds               4       —     15      —     10
Harke Hendriks               9       —     11      —     4
Eelke Harmens                29      —     3       —     12
Sybren Wytses                9       —     11      —     4
Harmen Jelles                11      —     9       —     4
Atze Jelles                  9       —     11      —     4
Jelle Harmens                9       —     11      —     4
Jelle Harmens syn frou       9       —     11      —     4
Douwe Everts
(wenne op de pleats
yn eigendom fen
Bindert Japiks Cloosterman)  24      —     8       —     6
Kaspar Willems               2       —     17      —     6
Drewes Pieters               66      —     18      —     6
Sieds Reimers                9       —     11      —     4
Wopke Tabes                  29      —     13      —     12
Sytse Wopkes                 9       —     11      —     4
Egbert Jarings               6       —     13      —     14
Klaas Sytses                 72      —     6       —     8
Pieter Symens                4       —     15      —     10
Lammert Gooitsens            3       —     16      —     8
Alle Arends                  14      —     6       —     14
Jan Geerts                   2       —     17      —     6
Sjoerd Roels                 47      —     16      —     4
Pieter Jans                  9       —     11      —     4
Renze Johannes               9       —     11      —     4
Sjoerd Harts                 47      —     16      —     4
Wibe Lubberts
tot afkoop van
alle crimineele
procedures                   300     —
Klaas Wytses                 43      —     —       —     10
Folkert Simes                30      —     5       —     —
Sjoerd Rinzes                119     —     16      —     10
Binne Harkes                 18      —
Auwert Jans                  14      —     6       —     14
Gerben Douwes                3       —     16
Hendrik Heints               22      —     19
Lubbe Roels                  9       —     11      —     4
Pieter Innes                 5       —     14      —     12
Jan Ales                     11      —     9       —     8
Louw Pieters                 17      —     3       —     8
Anne Boeles                  28      —     13      —     12
Hepke Koring                 28      —     13      —     12
Geert Pieters Prins          28      —     13      —     12
Hendrik Lubbes               33      —     9       —     6
Durk Hendriks                12      —     8       —     10
Folkert Sijes                7       —     13      —
Sjoerd Pieters               23      —     18      —     12
Oeds Gerkes                  9       —     11      —     4
Louwe Harmens                11      —     9       —     8
Teade Wiegers                2       —     17      —     6
Harke Jans                   9       —     11      —     4
Sijbe Lubbes                 11      —     9       —     8
Jille Jans                   9       —     11      —     4
Willem Willems               9       —     11      —     4
Foppe Tjerks                 7       —     13
Ate Klazes                   5       —     14      —     12
Engbert Pieters              9       —     11      —     4
Gerben Lambarts              2       —     17      —     6
Marten Romkes                3       —     16      —     8
Gerrit Bouwes                4       —     15      —     10

De Koaten, mei-inoar 70 persoanen. Heechsten:

Johannes Pieters  60    —
Sjoerd Pieters    53    —

De Droege Ham, mei inoar 55. Heechsten:

Gerrit Klazes    35    —
Marten Klazes    35    —
Jan Jilles       40    —
Sipke Jans       30    —
Anne Nannes      30    —
Atze Aukes       35    —
Fokke Pieters    30    —

Harkema Op ’t Ende, mei inoar 31. Heechsten:

Bindert Japiks Cloosterman  3000    —
Tymen Hendriks              25      —
Eelke Rommerts              50      —

Surhuizum, mei inoar 83. Heechsten:

Foppe Theunis Rispens    38    —
Johannes Hendriks        19    —
Eabele Hendriks          19    —

’t Surhuister Veen, mei inoar 114. Heechsten:

Tjisse Tjidsjers    80    —    4    —
Reinder Klazes      60    —    3

Augustinusga, mei inoar 53. Heechsten:

Wytse Eabeles         40    —
Wiggele Eabeles       40    —
L. E. van Scheltinga  200   —
Metske Ates           40    —
Pieter Wiebes         55    —

Buitenpost, mei inoar 91. Heechsten:

Wiebren Lourens        50    —
Eabe Lourens           50    —
Roelof Lourens         45    —
Jacob Wilkes           40    —
Wytse Jans             50    —
Eabe Tjeerds Risspens  50    —
Jan Egberts            50    —
Jacob Durks Kuipers    50    —
Wytse Wybes            45    —
Roelof Stuit           50    —
(keslein yn de „Roskaem”.)

Kollumer Cluft.

Eelke Meinderts      36    —    —    36: frijspritsen.
Mefrou Bouricius     120   —           : frijspritsen.
Sytse Johannes       48    —
Wibe Pieters         30    —
Jan Jans Feitsma     90    —             forhege ta 210
Martens Eeuwes       90    —             forhege ta 110
Frans Reinders       48    —    —    —   frijspritsen
Louwe Romkes         3     —             forhege ta 12
Jan Gerkes Blauw     42    —    —    —   frijspritsen
Else Louwes Siccama  42    —    —    —   frijspritsen
Marten Eeuwes        90    —    —    —   forhege ta 110

Kollum dorp, mei inoar 207. Heechsten:

Romke Klazes           90    —    —    —    forhege ta 210
Jan Andries            90    —    —    —    forhege ta 260
Dominé Riedel          24
Gosse Jans             48    —    —    —
Ritske Alberts         90                   forhege ta 250
Boate Eskes            240   —    —    —    forhege ta 300
M. van Scheltinga      120   —    —    —    frijspritsen
(foarhinne de Grytman)
S. Gerroltsma,         72    —    —    —    forhege ta 103
(foarhinne de Siktaris,
Beide finzen sete yn 1795
troch Keuning.)
Harmen Tol             36    —    —    —
Pieter Ritsma          48
L. Faber               36
Germ Lautenbach        30    —    —    —    forhege ta 70
Oeds Radema            48    —    —    —    forlege ta 24
M. Radema              48    —    —    —    forlege ta 24
Eiso de Wendt          120   —    —    —    frijspritsen
Geert Louwes           40    —    —    —

Het Nieuwe Kruijslandt, mei inoar 13. Heechsten:

Pieter Cornelis    37    —    10    —
Hendrik Clases     37    —    10    —
Remke Clases       37    —    10    —
Klaas Rinses       37    —    10    —
Pieter Abeles      37    —    10    —
Jan Elses          37    —    10    —

Augsbuurt, mei inoar 28. Heechsten:

Aan Klazings              46    —
Meindert Heines weduwe    20    —
Louwe Romkes              45    —

Burum, mei inoar 202. Heechsten:

Nittert Nitterts          31    —    10    —
Doeke Idskes              79    —    10    —
Bindert Andries           17    —    10    —
Minne Pieters             52    —    10    —
Alberts Jelles            99    —    10    —
Pieter Roelofs            47    —    10
Inne Eeuwes               59    —    10
Metske Louwes             75    —    10
Hendrik Joukes            52    —    10
Joege Innes               270   —    10
Rense Hessels             40    —    10
Aise Siegers              37    —    10
Hendrik Harkes            37    —    10
Meindert Meinderts        35    —    10
Louwe Cornelis Siccama    47    —    10
Jan en Fokke Johannes     31    —    10
Aldert Clases             58    —    10
Claes Egberts             52    —    10
Reitse Abeles             40    —    10

Kollumer Zwaag, mei inoar 75. Heechsten:

Hendrik Sjirks       —    ?    —
Hemke Harmens        —    ?    —

Wester Geest, mei inoar 163. Heechsten:

Gosse Pieters                 62    —    —    —      —
Sjoerd Pieters                75    —    10   —     60
Boate Pieters                 55    —    0    —     30
Gerben Pieters sijn weduwe    50    —    —    —      —
Fokke Wybes                   42         —           —
Jan Jans Helder               70         —           —

Oud Woude, mei inoar 115. Heechsten:

Gerrit Waatses    30    —    —    —
Ete Boelens       30    —    —    —
Heine Aukes       26    —    —    —
Eelke Sibes       22    —    —    —
Jan Binnes: is gestraft met den swaarde.

Morra. 75 persoanen. Heechsten:

Doeke Wybrens    12    —    —
Willem Minnes    12    —    —

Ee: biboete

Eelke Wiggers    1800    —    —        

Engwierum:

Tjalling Minses        927    —    —
Boate Sytse Tjeerds    600    —    —
Hans Blom              75     —    —

Lioessens: biboete

G. R. Sinia         50    —    —
Luitjen Johannes    58    —    —

Oostrum: biboete

Aant Jans    300    —    —

Jouswier: biboete 19 persoanen.

Wetzens: biboete 17 persoanen.

Nijawier, mei inoar 66. Heechsten:

Gerben Heins       9    —    5    —    2
Jan Jacobs         4    —    —    —    —
Eelke Meinderts    5    —    5    —    —

Metslawier, mei inoar 66. Heechsten:

Willem Jochums    709   —        —
Jan Slagmans      30    —        —
Harmen Jacobs     20    —    5   —
Evert Roelofs     12    —    2   —
Jan Jans          10    —        —
Johannes Jans     10    —        —

Hantum, mei inoar 34. Heechsten:

Andries Annes    24    —        —
Johannes Wijbes  14    —    5   —
Douwe Wijbes     14    —        —

Foudgum en Raard, mei inoar 10. Heechste:

Sieds Eelkes    24    —        —

Hantumhuizen, mei inoar 32. Heechsten:

D. S. Banga      24    —    10    —
Tjetze Fedzes    14    —          —

Wierum, mei inoar 102. Heechsten:

Diete Annes    28    —    10    —
Douwe Annes    25    —          —
Jantje Annes   25    —          —
Tjepke Jans    25    —          —

Nes (Westdongeradeel) mei inoar 95. Heechsten:

Tjerk Ages        38    —    10    —
Evert Aukes       30    —          —
Meindert Harms    35    —    5     —
Marten Tjipkes    30    —          —

Ee. Mei inoar 153. Heechsten:

Eelke Wiggers    1800    —        —
Ds. Florison     150     —        —
Sibe Jans        160     —        —
Rienk Minnes     60      —        —
Piter Jans       70      —        —
Douwe Sibrens    75      —        —
Minne Jans       70      —        —
Sieds Sibrens    60      —        —
Douwe Frearks    45      —        —
Folkert Minnes   40      —        —
Evert Gerkes     40      —        —
Tjibbe Geerts    45      —        —
Mentje Johannes  40      —        —
Cornelis Botma   40      —        —
Reitse Ypes      40      —        —
Jacob Ypes       40      —        —

Nijkerk. Mei inoar 101. Heechsten:

Tjeerd Thomas    144    —        —
Baukjen Sipkes    11    —        —

Aalsum, mei inoar 26. Heechsten:

Jan Ybeles     58    —    10    —
Anne Yjes      58    —          —
Rein Hannema   35    —          —
Klaas Hannema  35    —          —
Romke Klazes   24    —          —

Anjum, mei inoar 246. Heechsten:

Teake Piters                      47    —        —
Jacob Thijssens                   40    —    10  —
Piter Willems                     36    —    5   —
jonkheer S. van Eijsinga          26    —        —
Lammert Jacobs                    26    —        —
G. van Kleffens                   26    —        —
Engbert Lieûwes                   26    —        —
Diderik Hendriks                  25    —        —
Geert Dirks                       25    —        —
Teade Jans                        25    —        —
Douwe Jans                        25    —        —
Claas Eerdes                      25    —        —
Sieds Jacobs                      22    —        —
Hans Jacobs                       25    —        —
Jan Jacobs                        25    —        —
Claas Boates                      22    —        —
Eesge Jans                        20    —        —
Hendrik Sjucks                    22    —        —
Harmannus Engberts                15    —        —
jonkheer J. H. W. van Burmania    10    —        —
Doeke Alberts                     10    —        —

Peasens mei inoar 103. Heechsten:

Eesge Lieuwes                   38   —    5   —
Tjalling Lieuwes                16   —        —
Age Lieuwes                     15   —        —
Hendrik Lieuwes                 12   —        —
Sytse Cornelis                  28   —        —
Harm Jans                       25   —        —
Trijntje Watses                 7    —        —
Aaltje Jacobs                   5    —        —
Lieûkje Johannes                8    —        —
Dieûkje Durks                   8    —        —
Elkjen Sytses                   7    —        —
Lysbeth Minkes                  7    —        —
Dieûke Pieters                  2    —        —
Rikst Jeans                     7    —        —
Grytsje Jans                    6    —        —
Renske Piters                   3    —        —
Heabele Douwes syn huijsfrou    8    —        —
Marijke Sytses                  7    —        —
Aagtsje Andries                 7    —        —
Trijntsje Jans                  8    —        —
De lêste fjirtsjin allegear frouljue.        —        —

Rinsuma Geest, mei inoar 23. Heechsten:

N. Posthumus      100    —        —
Jan Wates frou    40     —        —

Sybranda Huis, mei inoar 20. Heechsten:

Cornelis Freerks en soon samen    125    —        —
Simen Klazes Tolman               65     —        —
Cornelis Helder                   60     —        —
Toon S. Helder’s knecht           20     —        —

Veenwouden mei inoar 113. Heechsten:

Lieuwe Oebeles    100    —        —
Aen Wijbes        100    —        —
Albert Jans       100    —        —
Klaas Wierts      100    —        —
Bean Geerts       65     —        —
Fokke Lieuwes     65     —        —

Zwaag Westeinde mei inoar 57. Heechsten:

Jacob Jurjes    250    —        —
Boele Ytes      150    —        —
Brant Binnes    60     —        —

Wouterswoude mei inoar 39. Heechsten:

Meindert Willems        800    —        —
Meindert Roelofs        150    —        —
Syger Klazes en soon    125    —        —
Eke Jochums             200    —        —
Piter Gerbens en soon   125    —        —
Eeltsje Wibes           65     —        —

Damwoude mei inoar 36. Heechsten:

Minne Jacobs en broeder    75    —        —
Gelt Jochums               65    —        —
Meindert Douwes            36    —        —
Anne Djoerds               50    —        —
Johannes Jelles            36    —        —

Murmerwoude mei inoar 42. Heechsten:

Simen Jans      350    —        —
sijn soon       150    —        —
Minze Lolkes    75     —        —
Jan Jans        36     —        —

Akkerwoude mei inoar 46. Heechsten:

Sytse Reinders en soon    100    —        —
Bastiaan Tjeerds          75     —        —
Tys Tyssens en soon       75     —        —
Elle Willems en soon      75     —        —
Klaas en Joh. Eelkes      65     —        —
Eke Minnes                50     —        —

Driesum, mei inoar 43. Heechsten:

Geert Romkes                   400    —        —
Feike Luitjens                 200    —        —
Geert Heines                   200    —        —
Keimpe Jans sijn drie soons    180    —        —
Keimpe Jans selvers            100    —        —
Egbert Falks                   100    —        —
Lieuwe Wierd sijn soon         65     —        —
Jacob Thomas                   65     —        —
Ate Uilkes                     65     —        —
Geert Aukes                    65     —        —
sijn soon                      65     —        —
Uilke Ates weduwe              30     —        —
Piter Cornelis frou            12     —        —
Hendrik Jans frou              12     —        —

Hardegarijp mei inoar 14. Heechsten:

Fokke Fokkens    6    —        —
Joeke Romkes     7    —        —

Kuik Horne mei inoar 30. Heechsten:

Geert Theunis    15    —        —
Binne Oebeles    11    —        —

Eestrum mei inoar 47. Heechsten:

Douwe Bouts       25    —        —
Hendrik Halbes    22    —        —
Roel Jans         22    —        —
Oebele Foakes     20    —        —
Piter Ales        20    —        —

Oostermeer mei inoar 86. Heechsten:

Auke Martens    50    —        —
Jacob Andries   40    —        —
Tjerk Atzes     30    —        —
Oeds Aukes      45    —        —
Lieuwe Douwes   40    —        —
Geert Roels     40    —        —
Eabe Roels      35    —        —
Tys Lammerts    35    —        —
Ruurd Durks     35    —        —

Yn totael bidroegen dizze boeten:

Achtkarspelen      10.000
Kollumerlân        17.597
Oostdongeradiel    14.000
Dantumadiel        12.000
Tietsjerkstradiel  2.866
Westdongeradiel    3.000

Penningen: welke door A.H. Keuning zijn ontvangen van personen bij
accoord, die onder Politieke borgtochten waren gesteld.

Van:

Tsjebbe Idskes  f 2000.
Germ Klazes     f 1000.
Jan Douwes      f 1000.
Bartele Rinses  f 100.
Wytse Egberts   f 600.

1780. Hierders fen de tsjerkepleats to Optwizel: Bindert en Sjoerd
Rinses.

1781. Timmerman oan ’e posterije to Optwizel Wopke Tabes.

1784. Skoalmaster fen Optwizel Sipke Sybes. Hy fortsjinne oan ’e
tsjerke as hounegiseler en foarsjonger fl. 70 en as skoalmaster ekstra
der noch by ek fl. 70.

1784. Tsjerkfâlden en floreenplichtingen fen Optwizel: Claes Sytzes,
Romke Piters, Wytse Klazes en Hindrik Ljibbes.

1797. Reiskosten fen Optwizel nei Ljouwert hinne en werom mei de
postwein fl. 1.10.

1798. De nije skoalle en ’t skoallehûs klear to Optwizel de 3e fen July
1798.

1801. Tsjerkfâlden fen Optwizel: Sjoerd Rinses, Oebele Wytses en Romke
Piters. Skoalmaster: Rienk Reinders.

Bitelle oan R. Steringa fenwegen it lieden fen ’e klok op ’e jierdei
fen de Kening fen Hollân 16 stûren.

Nammelist fen de Gardes d’honneur, troch twang oproppen om yn ’t leger
fen Napoleon to tsjinjen en foarttein de 12e fen Juni, de 20e fen Juni
en de 29e fen Juni 1813 oer Swol, Nimwegen, Grave, Tilburg, Antwerpen,
Brussel, Mons, Valenciennes, St. Denis, Versailles, Bonneval oan de
Loire, Vendôme, nei Tours.

Bihalve Henricus fen Rhé noch 37
Cornelis Franciscus Frisius f. Hylckama, Ljouwert.
Jan Pieters Fontein, Ljouwert.
Jan Albarda, Bolswert.
Mintje Wouters Bleeker, Snits.
Gerlachus Buma, Ljouwert.
Jacob Cornelis Driessen, Ljouwert.
P. A. Engelberts fen Bevervoorde, Hearrenfean.
Dirk Arend Everts, de Jouwer.
Godschalk Horatius Hiddema f. Knijff, Dokkum.
Samuël Hendrik Manger, Feanwâlden.
Mr. Bavius Gijsbertus Rinia f. Nauta, Ljouwert
Wilco Holdinga baron thoe Schwarzenberg en Hohenlandsberg, Beetgum
Junius f. Straten, Harns.
Vincentius f. Glinstra de Swart, Frentsjer.
Jhr. Epo Sjuck Burmania Vegelin fen Claerbergen, Ljouwert.
Jan Wentholt, Harns.
Leonardus Ypeij, Ljouwert.
Georg Hendrik fen Boelens, Hearrenfean.
Boelardus Augustinus fen Boelens, Hearrenfean.
Seerp Brouwer, Ljouwert.
Frederik Deketh, Frentsjer.
Jan Gorter, Ljouwert.
Edo Bouricius fen Idema, Hearrenfean.
Herman Hendrik Ladenius, Ljouwert.
Johannes Meiners?
Sipke Johannes Rienks, Hallum.
Gerbrand de Rook, Snits.
Douwe Ruitinga, Ljouwert.
Rinse van Slooten, Ljouwert.
Klaas Oenes van der Veen, Ljouwert.
Jacob Visser, Snits.
Folkert Johannes Witteveen, Dokkum.
Petrus Adrianus Bergsma, Ljouwert.
Jan Idzes Eizinga, Anjum.
Jacob Palsma, Wirdum.
Johannes Stinstra, Frentsjer.
Hermanus Harmens, Harns.

Lijst der Manschappen van de 5de Compagnie zeevende Bataillon Landstorm
te Optwijzel, opgemaakt door zijnen Commandant, capitain Wytse Binderts
Cloosterman in 1813. (Folgens de freeslike nije wet fen Napoleon fen ’e
5e April 1813—nei syn tobekset yn Ruslân—útroppen oer it hiele lân,
waerden nou alle oerbleauwne manljue fen 20 oan 60 jier
tsjinstplichtich en koene dos oproppen wirde. De jongsten waerden
fensels earst oproppen).

* is sneuvele.

Fen de Koaten ôf, Sânsleats kant:

1. Oosterhof—Harke Hindriks—40 jier.
2. Bij, van der—Rinze Johannnes—46 jier.
3. Zijlstra—Jannes Popes—37 jier.
4. Feenstra—Wiebe Jeans—19 jier. *
5. Sytsma—Tabe Wopkes — —
6. Boer, de—Lourens Luitzens—19 jier, corporaal.
7. Boer, de—Jilles Oebeles— — —
8. Steringa—Jacob Jaspers—27 jier *.
11. Kooij, v. d.—Gauke Gerks—26 jier *.
12. Boersma—Hart Sjoerds—34 jier.
14. Veen, v. d.—Mark Aukes—18 jier, zijn knecht, tamboer.
15. Boersma—Sjoerd Sjoerds—31 jier.
16. Boersma—Andries Sjoerds—25 jier, corporaal.
17. Ferwerda—Steven Johannes—21 jier. *
17. Sipkema—Rinse Sipkes—19 jier.
17. Gorter—Klaas Louwes—1e Luitenant.
21. Cloosterman—Wytse Binderts—37 jier. Capitain.
21. Boer, de Arend Sytses—22 jier, zijn knecht.
22. Hinnema—Jentje Tjeerds—29 jier, zijn knecht.
23. Veen, v. d. Jarich Egberts.—24 jier, zijn knecht.
24. Jong, de—Sjoerd Jelkes—36 jier.
27. Merkes—Atze Jelles—38 jier.
28. Nicolaij—Johannes Gooitsens—36 jier.
28. Nicolaij—Roel Gooitsens—.
30. Kuipers—Jan Roelofs—33 jier.
33. Feenstra—Lieûwe Harmens—39 jier.
34. Bok—Christoffel Harmens—corporaal.
34. Boer, de—Lubbert Willems—37 jier.
36. Sipkema—Pieter Sipkes—44 jier—sergeant majoor.
36. Sipkema—Jacob Pieters—19 jier, corporaal.
38. Meer, de—Egbert Sijes—50 jier.
38. Meer, de—Meinse Egberts—, corporaal.
40. Tjipkema—Ale Jelles—27 jier.
42. Broersma—Auke Berents—, sergeant.
42. Broersma—Sake Berents—27 jier.
43. Vis, de—Caspar Willems—35 jier *.
43. Goede, de—Doowe Jans—31 jier.
44. Bruin, de—Lammert Freerks—20 jier.
45. Meulen, v. d.—Douwe Tjeerds—34 jier.
46. Radema—Alle Oedzes—31 jier, sergeant.
46. Kijlstra—Harmen Durks—22 jier, zijn knecht.
47. Cloosterman—Nanne Binderts—31 jier, sergeant.
48. Groenhof—Geert Arents—49 jier, corporaal.
49. Driessen—Wytse Sakes—
49. Loonstra—Andries Sjoerds—19 jier *, zijn knecht.
51. Binnema—Hindrik Jans—33 jier, sergeant.
51. Haagsma—Geert Harmens—20 jier, zijn knecht.
52. Leeksma—Willem Willems—48 jier.
54. Kleinstra—Pieter Hindriks—31 jier.
55. Veen, v. d.—Sibe Lubbes—
56. Cloosterman—Rienk Martens—42 jier.
57. Sytsma—Sytse Wopkes—37 jier.
59. Binnema—Sjoerd Meints—, corporaal.
59. Jong de—Jan Jans—28 jier.
59. Nicolaij—Pieter Gooitsens—
61. Vries de—Cornelis Driûwers—, corporaal.
62. Haan de—Durk Jinnes—26 jier.
63. Veen, v. d.—Hindrik Jans—
65. Haan, de—Age Ates, 25 jier.
66. Boer, de—Sytse Arends—, corporaal fourier.
66. Boer, de—Geert Sytzes—20 jier. *
67. Kramer—Jean Piers—
70. Haan, de—Arent Jinnes—19 jier.
71. Dijkstra—Lieûke Jans—36 jier.
71. Faber—Pieter Innes—21 jier, zijn knecht.
71. Tilstra—Jacob Pieters—46 jier.
72. Goede, de—Jan Jans—27 jier.
80. Meulen, v. d.—Klaas Andries—34 jier *.
100. Kylstra—Durk Harmens—49 jier.
103. Fokkema—Folkert Douwes—48 jier.
104. Folkertsma—Johannes Aukes—36 jier.
106. Tadema—Hylke Wiebes—17 jier. *
107. Dykstra—Oeds Gerkes—
108. Scheepstra—Melle Elzes—
109. Roos, de—Gerrit Douwes—*
110. Stel—Tjeerd Sytses—24 jier.
Zijlstra—Engbert Martens—46 jier.

West fen Bûtenpost.
Bij, v. d.—Jan Johannes—48 jier.
Eskens—Meinse Lodewijks—* 2e luitenant.
Swart—Albert Jacobs—
Eskens—Louw Lodewijks—
Rispens—Foppe Eabes—24 jier.
Rispens—Tjeerd Eabes—18 jier.
Dalman—Thomas Pieters *.
Wagenaar—Johannes Hindriks—18 jier *.
Boonstra—Sjoerd Luitsens—18 jier.
Boer, de—Binne Oebeles.
Kuipers—Hindrik Jacobs.
Bij, v. d.—Gerrit Mients.
Linting—Tjerk Tjallings.
Reidsma—Wobbe Berents—17 jier *.
Loonstra—Jochum Karstens—17 jier.
Haan, de—Alle Jinnes—17 jier.
Tilstra—Gosse Wytses—17 jier *.
Hoekstra—Jan Pieters.







*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK IT JUBELJIER ***


    

Updated editions will replace the previous one—the old editions will
be renamed.

Creating the works from print editions not protected by U.S. copyright
law means that no one owns a United States copyright in these works,
so the Foundation (and you!) can copy and distribute it in the United
States without permission and without paying copyright
royalties. Special rules, set forth in the General Terms of Use part
of this license, apply to copying and distributing Project
Gutenberg™ electronic works to protect the PROJECT GUTENBERG™
concept and trademark. Project Gutenberg is a registered trademark,
and may not be used if you charge for an eBook, except by following
the terms of the trademark license, including paying royalties for use
of the Project Gutenberg trademark. If you do not charge anything for
copies of this eBook, complying with the trademark license is very
easy. You may use this eBook for nearly any purpose such as creation
of derivative works, reports, performances and research. Project
Gutenberg eBooks may be modified and printed and given away—you may
do practically ANYTHING in the United States with eBooks not protected
by U.S. copyright law. Redistribution is subject to the trademark
license, especially commercial redistribution.


START: FULL LICENSE

THE FULL PROJECT GUTENBERG LICENSE

PLEASE READ THIS BEFORE YOU DISTRIBUTE OR USE THIS WORK

To protect the Project Gutenberg™ mission of promoting the free
distribution of electronic works, by using or distributing this work
(or any other work associated in any way with the phrase “Project
Gutenberg”), you agree to comply with all the terms of the Full
Project Gutenberg™ License available with this file or online at
www.gutenberg.org/license.

Section 1. General Terms of Use and Redistributing Project Gutenberg™
electronic works

1.A. By reading or using any part of this Project Gutenberg™
electronic work, you indicate that you have read, understand, agree to
and accept all the terms of this license and intellectual property
(trademark/copyright) agreement. If you do not agree to abide by all
the terms of this agreement, you must cease using and return or
destroy all copies of Project Gutenberg™ electronic works in your
possession. If you paid a fee for obtaining a copy of or access to a
Project Gutenberg™ electronic work and you do not agree to be bound
by the terms of this agreement, you may obtain a refund from the person
or entity to whom you paid the fee as set forth in paragraph 1.E.8.

1.B. “Project Gutenberg” is a registered trademark. It may only be
used on or associated in any way with an electronic work by people who
agree to be bound by the terms of this agreement. There are a few
things that you can do with most Project Gutenberg™ electronic works
even without complying with the full terms of this agreement. See
paragraph 1.C below. There are a lot of things you can do with Project
Gutenberg™ electronic works if you follow the terms of this
agreement and help preserve free future access to Project Gutenberg™
electronic works. See paragraph 1.E below.

1.C. The Project Gutenberg Literary Archive Foundation (“the
Foundation” or PGLAF), owns a compilation copyright in the collection
of Project Gutenberg™ electronic works. Nearly all the individual
works in the collection are in the public domain in the United
States. If an individual work is unprotected by copyright law in the
United States and you are located in the United States, we do not
claim a right to prevent you from copying, distributing, performing,
displaying or creating derivative works based on the work as long as
all references to Project Gutenberg are removed. Of course, we hope
that you will support the Project Gutenberg™ mission of promoting
free access to electronic works by freely sharing Project Gutenberg™
works in compliance with the terms of this agreement for keeping the
Project Gutenberg™ name associated with the work. You can easily
comply with the terms of this agreement by keeping this work in the
same format with its attached full Project Gutenberg™ License when
you share it without charge with others.

1.D. The copyright laws of the place where you are located also govern
what you can do with this work. Copyright laws in most countries are
in a constant state of change. If you are outside the United States,
check the laws of your country in addition to the terms of this
agreement before downloading, copying, displaying, performing,
distributing or creating derivative works based on this work or any
other Project Gutenberg™ work. The Foundation makes no
representations concerning the copyright status of any work in any
country other than the United States.

1.E. Unless you have removed all references to Project Gutenberg:

1.E.1. The following sentence, with active links to, or other
immediate access to, the full Project Gutenberg™ License must appear
prominently whenever any copy of a Project Gutenberg™ work (any work
on which the phrase “Project Gutenberg” appears, or with which the
phrase “Project Gutenberg” is associated) is accessed, displayed,
performed, viewed, copied or distributed:

    This eBook is for the use of anyone anywhere in the United States and most
    other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
    whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
    of the Project Gutenberg License included with this eBook or online
    at www.gutenberg.org. If you
    are not located in the United States, you will have to check the laws
    of the country where you are located before using this eBook.
  
1.E.2. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is
derived from texts not protected by U.S. copyright law (does not
contain a notice indicating that it is posted with permission of the
copyright holder), the work can be copied and distributed to anyone in
the United States without paying any fees or charges. If you are
redistributing or providing access to a work with the phrase “Project
Gutenberg” associated with or appearing on the work, you must comply
either with the requirements of paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 or
obtain permission for the use of the work and the Project Gutenberg™
trademark as set forth in paragraphs 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.3. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is posted
with the permission of the copyright holder, your use and distribution
must comply with both paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 and any
additional terms imposed by the copyright holder. Additional terms
will be linked to the Project Gutenberg™ License for all works
posted with the permission of the copyright holder found at the
beginning of this work.

1.E.4. Do not unlink or detach or remove the full Project Gutenberg™
License terms from this work, or any files containing a part of this
work or any other work associated with Project Gutenberg™.

1.E.5. Do not copy, display, perform, distribute or redistribute this
electronic work, or any part of this electronic work, without
prominently displaying the sentence set forth in paragraph 1.E.1 with
active links or immediate access to the full terms of the Project
Gutenberg™ License.

1.E.6. You may convert to and distribute this work in any binary,
compressed, marked up, nonproprietary or proprietary form, including
any word processing or hypertext form. However, if you provide access
to or distribute copies of a Project Gutenberg™ work in a format
other than “Plain Vanilla ASCII” or other format used in the official
version posted on the official Project Gutenberg™ website
(www.gutenberg.org), you must, at no additional cost, fee or expense
to the user, provide a copy, a means of exporting a copy, or a means
of obtaining a copy upon request, of the work in its original “Plain
Vanilla ASCII” or other form. Any alternate format must include the
full Project Gutenberg™ License as specified in paragraph 1.E.1.

1.E.7. Do not charge a fee for access to, viewing, displaying,
performing, copying or distributing any Project Gutenberg™ works
unless you comply with paragraph 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.8. You may charge a reasonable fee for copies of or providing
access to or distributing Project Gutenberg™ electronic works
provided that:

    • You pay a royalty fee of 20% of the gross profits you derive from
        the use of Project Gutenberg™ works calculated using the method
        you already use to calculate your applicable taxes. The fee is owed
        to the owner of the Project Gutenberg™ trademark, but he has
        agreed to donate royalties under this paragraph to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation. Royalty payments must be paid
        within 60 days following each date on which you prepare (or are
        legally required to prepare) your periodic tax returns. Royalty
        payments should be clearly marked as such and sent to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation at the address specified in
        Section 4, “Information about donations to the Project Gutenberg
        Literary Archive Foundation.”
    
    • You provide a full refund of any money paid by a user who notifies
        you in writing (or by e-mail) within 30 days of receipt that s/he
        does not agree to the terms of the full Project Gutenberg™
        License. You must require such a user to return or destroy all
        copies of the works possessed in a physical medium and discontinue
        all use of and all access to other copies of Project Gutenberg™
        works.
    
    • You provide, in accordance with paragraph 1.F.3, a full refund of
        any money paid for a work or a replacement copy, if a defect in the
        electronic work is discovered and reported to you within 90 days of
        receipt of the work.
    
    • You comply with all other terms of this agreement for free
        distribution of Project Gutenberg™ works.
    

1.E.9. If you wish to charge a fee or distribute a Project
Gutenberg™ electronic work or group of works on different terms than
are set forth in this agreement, you must obtain permission in writing
from the Project Gutenberg Literary Archive Foundation, the manager of
the Project Gutenberg™ trademark. Contact the Foundation as set
forth in Section 3 below.

1.F.

1.F.1. Project Gutenberg volunteers and employees expend considerable
effort to identify, do copyright research on, transcribe and proofread
works not protected by U.S. copyright law in creating the Project
Gutenberg™ collection. Despite these efforts, Project Gutenberg™
electronic works, and the medium on which they may be stored, may
contain “Defects,” such as, but not limited to, incomplete, inaccurate
or corrupt data, transcription errors, a copyright or other
intellectual property infringement, a defective or damaged disk or
other medium, a computer virus, or computer codes that damage or
cannot be read by your equipment.

1.F.2. LIMITED WARRANTY, DISCLAIMER OF DAMAGES - Except for the “Right
of Replacement or Refund” described in paragraph 1.F.3, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation, the owner of the Project
Gutenberg™ trademark, and any other party distributing a Project
Gutenberg™ electronic work under this agreement, disclaim all
liability to you for damages, costs and expenses, including legal
fees. YOU AGREE THAT YOU HAVE NO REMEDIES FOR NEGLIGENCE, STRICT
LIABILITY, BREACH OF WARRANTY OR BREACH OF CONTRACT EXCEPT THOSE
PROVIDED IN PARAGRAPH 1.F.3. YOU AGREE THAT THE FOUNDATION, THE
TRADEMARK OWNER, AND ANY DISTRIBUTOR UNDER THIS AGREEMENT WILL NOT BE
LIABLE TO YOU FOR ACTUAL, DIRECT, INDIRECT, CONSEQUENTIAL, PUNITIVE OR
INCIDENTAL DAMAGES EVEN IF YOU GIVE NOTICE OF THE POSSIBILITY OF SUCH
DAMAGE.

1.F.3. LIMITED RIGHT OF REPLACEMENT OR REFUND - If you discover a
defect in this electronic work within 90 days of receiving it, you can
receive a refund of the money (if any) you paid for it by sending a
written explanation to the person you received the work from. If you
received the work on a physical medium, you must return the medium
with your written explanation. The person or entity that provided you
with the defective work may elect to provide a replacement copy in
lieu of a refund. If you received the work electronically, the person
or entity providing it to you may choose to give you a second
opportunity to receive the work electronically in lieu of a refund. If
the second copy is also defective, you may demand a refund in writing
without further opportunities to fix the problem.

1.F.4. Except for the limited right of replacement or refund set forth
in paragraph 1.F.3, this work is provided to you ‘AS-IS’, WITH NO
OTHER WARRANTIES OF ANY KIND, EXPRESS OR IMPLIED, INCLUDING BUT NOT
LIMITED TO WARRANTIES OF MERCHANTABILITY OR FITNESS FOR ANY PURPOSE.

1.F.5. Some states do not allow disclaimers of certain implied
warranties or the exclusion or limitation of certain types of
damages. If any disclaimer or limitation set forth in this agreement
violates the law of the state applicable to this agreement, the
agreement shall be interpreted to make the maximum disclaimer or
limitation permitted by the applicable state law. The invalidity or
unenforceability of any provision of this agreement shall not void the
remaining provisions.

1.F.6. INDEMNITY - You agree to indemnify and hold the Foundation, the
trademark owner, any agent or employee of the Foundation, anyone
providing copies of Project Gutenberg™ electronic works in
accordance with this agreement, and any volunteers associated with the
production, promotion and distribution of Project Gutenberg™
electronic works, harmless from all liability, costs and expenses,
including legal fees, that arise directly or indirectly from any of
the following which you do or cause to occur: (a) distribution of this
or any Project Gutenberg™ work, (b) alteration, modification, or
additions or deletions to any Project Gutenberg™ work, and (c) any
Defect you cause.

Section 2. Information about the Mission of Project Gutenberg™

Project Gutenberg™ is synonymous with the free distribution of
electronic works in formats readable by the widest variety of
computers including obsolete, old, middle-aged and new computers. It
exists because of the efforts of hundreds of volunteers and donations
from people in all walks of life.

Volunteers and financial support to provide volunteers with the
assistance they need are critical to reaching Project Gutenberg™’s
goals and ensuring that the Project Gutenberg™ collection will
remain freely available for generations to come. In 2001, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation was created to provide a secure
and permanent future for Project Gutenberg™ and future
generations. To learn more about the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation and how your efforts and donations can help, see
Sections 3 and 4 and the Foundation information page at www.gutenberg.org.

Section 3. Information about the Project Gutenberg Literary Archive Foundation

The Project Gutenberg Literary Archive Foundation is a non-profit
501(c)(3) educational corporation organized under the laws of the
state of Mississippi and granted tax exempt status by the Internal
Revenue Service. The Foundation’s EIN or federal tax identification
number is 64-6221541. Contributions to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation are tax deductible to the full extent permitted by
U.S. federal laws and your state’s laws.

The Foundation’s business office is located at 809 North 1500 West,
Salt Lake City, UT 84116, (801) 596-1887. Email contact links and up
to date contact information can be found at the Foundation’s website
and official page at www.gutenberg.org/contact

Section 4. Information about Donations to the Project Gutenberg
Literary Archive Foundation

Project Gutenberg™ depends upon and cannot survive without widespread
public support and donations to carry out its mission of
increasing the number of public domain and licensed works that can be
freely distributed in machine-readable form accessible by the widest
array of equipment including outdated equipment. Many small donations
($1 to $5,000) are particularly important to maintaining tax exempt
status with the IRS.

The Foundation is committed to complying with the laws regulating
charities and charitable donations in all 50 states of the United
States. Compliance requirements are not uniform and it takes a
considerable effort, much paperwork and many fees to meet and keep up
with these requirements. We do not solicit donations in locations
where we have not received written confirmation of compliance. To SEND
DONATIONS or determine the status of compliance for any particular state
visit www.gutenberg.org/donate.

While we cannot and do not solicit contributions from states where we
have not met the solicitation requirements, we know of no prohibition
against accepting unsolicited donations from donors in such states who
approach us with offers to donate.

International donations are gratefully accepted, but we cannot make
any statements concerning tax treatment of donations received from
outside the United States. U.S. laws alone swamp our small staff.

Please check the Project Gutenberg web pages for current donation
methods and addresses. Donations are accepted in a number of other
ways including checks, online payments and credit card donations. To
donate, please visit: www.gutenberg.org/donate.

Section 5. General Information About Project Gutenberg™ electronic works

Professor Michael S. Hart was the originator of the Project
Gutenberg™ concept of a library of electronic works that could be
freely shared with anyone. For forty years, he produced and
distributed Project Gutenberg™ eBooks with only a loose network of
volunteer support.

Project Gutenberg™ eBooks are often created from several printed
editions, all of which are confirmed as not protected by copyright in
the U.S. unless a copyright notice is included. Thus, we do not
necessarily keep eBooks in compliance with any particular paper
edition.

Most people start at our website which has the main PG search
facility: www.gutenberg.org.

This website includes information about Project Gutenberg™,
including how to make donations to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation, how to help produce our new eBooks, and how to
subscribe to our email newsletter to hear about new eBooks.