De swiere winst

By Douwe Kalma

The Project Gutenberg eBook of De swiere winst
    
This ebook is for the use of anyone anywhere in the United States and
most other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
of the Project Gutenberg License included with this ebook or online
at www.gutenberg.org. If you are not located in the United States,
you will have to check the laws of the country where you are located
before using this eBook.

Title: De swiere winst

Author: Douwe Kalma

Release date: December 7, 2025 [eBook #77417]

Language: Frisian

Original publication: Sneek: A.J. Osinga, 1921


*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK DE SWIERE WINST ***
De Swiere Winst

fen Hero Cammingha




Ynhâld

 I.
 II.
 III.
 IV.
 V.
 VI.
 VII.
 VIII.
 IX.
 X.




For it earst sûnt syn tsjinst stie er wer by boer Westra yn ’e terp. In
moaije jonge foarsimmermiddei wier it, sa’n ien as de hiele ierde yn
stille wille to sintsjen leit yn it oanwinnende sinneljocht, dat net
mear delskynt troch in Maitiids-flues mar ek yet net skroeit en barnt
yn it ûnmeilydsume strieljen fen syn útlitten krêft, waermens, dy’t de
tinzen bliid makket en ljocht, en langjen docht to rêsten oan it hert
fen mem Ierde. Hiel stadich en freedsum sylden in pear suvere wite
wolkens de blau laitsjende himel foarlâns, weidriuwend nei de
heimsinnigens efter de kimen, dêr’t it rûzjen is fen de ûneinige sé en
it klokken fen syn útrinnende weachjes tsjin de kearende peallen; in
jonge teare gloede, al swierder as by ’t Maitiid, mar net sa djip-grien
yette as yn de foldiedige midsimmer, weve stil oer de lânsdouwen en de
mantelbeammen fen de pleatsen yn ’t fiere roun. Alles like glêd en
bloeijend yn dat trintene ljocht, oant de swarte guds foar de kipkarren
en it sike brunige rust fen de raljes ta.

Sjoerd Lolkes stie loai to hingjen oer syn lodde, útpûstend fen it
wirk, as it wirk hjitte mocht, de skepmennich dy’t er dien hie. Hy
seach om him hinne; der wier fensels nimmen dy’t der erch yn hie. De
âldere arbeiders, trou oan de gong fen it wirk biwend, wrotten
wirktúchlik fierder, stieken de modder ôf, smieten se yn ’e kipkarren,
wachten op it heechst in telmennich oant de lege bakken wer foarriden
waerden; hjar prakkesaesjes wieren wei yn it wirk, en om’t er hjoed
yette net mei oaren yn it span stie, en sels syn wirk noch siikje
moast, foel nimmen hird tsjin him út. Hy tocht oan syn tiid ûnder
tsjinst do’t er leard hie de line to lûken, redsum derfor weiwinend
safaek’t der in kreweike drige; hjir scoe him dat minder hânsum ôfgean,
dizze iene earste dei yet sa’n bytsje, mar den wier er opnomd yn de
fêste gong fen it wirk—hy scoe it net mear hâlde kinne safolle to dwaen
as er oanstriid hie. Om him hinne djoeide it goudene ljocht fen de
sinne, klear en wiid seach er it lân lizzen mei yn ’e fierte de
doarpstoer en in mennich wenten deromta, as in swier grien lint
omboerde de strjitwei de lânsdou oan ien kant, en it like him allegear
ljocht en Sneinsk, mar ’t wier dochs lang net hwet er wol hope hie,
grize jounen yn syn lang tsjinstbistean, as er weromtocht oan it libben
yn Fryslân en him bisocht yn to tinken ho’t it wêze scoe as er
weromkaem.

Hy wier net loai fen bistean, mar hy mirk, hy krige nou al de pest oan
dit wirk hjirre. En de âldere maten om him hinne, elts mei syn egen
bisletten tinze-geweef oer fortsjinste en wiif en bern, makken it net
better. Hy fielde klear det der in spjalt komd wier twisken hjar en
him, det er se net mear bigriep. Yn Hollân hie er jonges út ’e Jordaen
en oare brânpunten fen stedskultuer wol oanflein by ien fen dy folle
heisterings twisken Hollânske en Fryske leger-ienheden, meast it
moarns, as it sin nidich stie om de ynkringerich sketterjende réveille
en der yn it waskhok lang gjin genôch kranen wieren det al de
slieperige jongkeardels hjar rêdde koenen, as mei gauwens der
skeldwirden swaeiden tsjin de knauwers en de stiifkoppen dy’t dêr op
like weardige wize tsjin ynleinen; en hy wier it grif iens mei de oare
Fryske jonges det dy frjemden for gjin stûr to bitrouwen wieren en in
smoarch en skunnich soadtsje. Mar like goed hied er mei fen syn bêste
frjeonen hawn út dy oerséske steatsboargers wei, en al wist er det men
se ek kwyt wier as men se net mear seach, hjar los en soargeleas dwaen,
sa oars as de swiere hast wirktúchlike stivens dêr’t er fen bern ôf oan
wend west hie, loek him tige oan en naem him mei. Dêr hie er al de
opbrûzjende sinnen foars en sterk útlibje kinnen, hy hie de wrâld sjoen
en gâns, gâns mear as de stimpers om him hinne fen ealgen, frouljue
hiene der for him altiten genôch west en hja namen it dêr almeast net
sa krekt, en al hie er mjitte witten to hâlden en himsels yn al syn
bûtenwenstichheden nea weismiten, dêr hie it libben dochs for him
iepenstien en hjir—dat swijsume ienkennige dwaen fen dy ljue om him
hinne, nou en den ris in bidaerd wird dat frjemd en kjel yn de stiltme
fen de middei foel en fierders altiten wer deselde, stadige,
ûnfornearbere wjirkmjittichheit, it wier him tsjinnich, wers.

It lân doochde oars wol, mar de minsken koe er slite, stune er nidich
yn himsels. By al syn moaligens, lyk hja ûnder tsjinst dat hingerige
tsjinnige fielen sa treftich bineamden, fielde er him mei de groun
dochs ien, dy swiere fette klaei, in glêdde nocht om to sjen, mei it
fochtige wiuwende gers dêrboppe. Mar hy hie in ûremennich foartrinne
wollen, oant de hege dyk dêr’t men de mar sjen koe en inkelde skippen,
en dêr hie er in set lang lizze wollen to dreamen ef as er der sin oan
hie, to sliepen. Dat wier er nou biwend en hy koe der net bêst mear
bûten, al makke it him faek yet helte bitterder. Dreamen moatte ynhâld
hawwe en foarm, en him bleau it in faei skimerich fielen fen haechlike
forhopings, dêr’t er sels sa ynlike graech hwet mear klearrichheit oer
hie en dy’t him ûntflechten safaek er se neijerby komme woe. Hy hie syn
moed net, hy wist sels net hwet er wol woe en alles yn him stried tsjin
dy ûnwissens en dy twiivligens yn, syn gestjende libbenskrêft, syn
longerjen nei moeisum mar great wirk, syn earsucht en greatskens it
meast. Hy wier al lang út ’e rie komd, dizze middei, det er de âldere
wrotters om him hinne dêr’t er faek mei sokke goede tinzen oan
weromtocht hie, nou yn it djipst fen syn herte lytsachte, det hjar
libben him binypt like, mistreastich, lef.

Hja hiene nea better witten. Al de dingen út hjar libben, hjar
tsjinstberens, hjar bodzjen, hjar boaskjen en foartbringen, alles wier
sa as it wier om’t hja net better wisten, om’t hja nea yn it libben
sjoen hienen. Hjar libbenskrêft wier bisletten rekke, finzen, en kwynde
stadichoan wei oant se mei kromme rêgen en forwrotten hannen de
Sneintomoarns yn tsjerke kamen, mei it wiif mei in smel-silveren
earizer en as skoanderst libbenswirk in seis ef tsjien gewearde bern
mei fjouwerkante skouders en in skôging as de libjende wolfeart, mar
dy’t yntwisken hjar âldene libbenskrêft weislynd hiene en sels sa hjar
libben ek wer foartsette scoenen yn oaren, as bisten dy’t jongen to
wrâld bringe en sels ta hjar earste fiedsel tsjinje. Fen ’e moarn noch
hie er praet mei Haeije Piters, dy’t him in lang en krimmenearderich
relaes die fen syn âldst fanke dat skjin útsukkele en do’t er de man
sels skôge, miterich en bleek lyk as er him altiten kend hie, hie er
moeite yn to hâlden hwet er tocht—in „stommerik, ’t is ommers dyn eigen
skild, mei _dyn_ bern kin it ommers net oars”. Hja stiene him tsjin,
dizze ljue dy’t fen mankoar slynden en ieten yn pleats fen sels sterk
út to bloeijen yn hjar egen geve en ljochte krêft, dy’t hjar joegen op
it paed nei libben’s delgong sûnderdet it greate ljocht op ’e hege
klingen hjar bineare herten ynfallen wier.

Bang fage er om syn holle, hy tocht om syn egen libben. Nou stie er
hjir, mids dy oaren, noch frjemd oan hjar bistean, mar de sleur scoe ek
him gripe en smite him yn it tsjuster fen de bislettenheit. Joun scoe
Anne wer op him wachtsje en hy hie al oan hjar fornomd hwer’t se hinne
woe: se hie mei syn tsjinst in jiermennich op him wachte en seach nou
gjin biswier mear om to trouwen, as hja in bytsje hússitter wirde
koenen. En wylst er dêr stie en oer de oaren hjar stadich en igael
arbeidzjen hinne seach waerd ynienen de wjersin him dúdlik dy’t er yn
him rizen field hie, jisterjoun, do’t se, nei in skoft fen sterke jonge
wille twisken hjar twaën, bigoun to praten oer dingen fen de takomst en
hwet der den nedich wêze scoe. Do hie er lilk west op himsels: in fanke
oan it tou hâlde, altyd wer nimme fen it bêste dat se hie, forwachtings
geande meitsje en den weromskrilje for hwet dochs fensels spriek, dat
ienris dochs komme moast, sa wis as de simmer nei de maitiid en de
hjerst nei de simmer? Mar nou bigriep er it better: hy hie syn foarlân
ealge, hy bigriep det om it bêste fen syn ljeafde to hawwen, hy him
earst jaen moast yn slave-bannen dy’t er forwinske, om’t er frij bliuwe
woe, frij om it lok dat der dochs wêze moast for en yn himsels to
siikjen.

Hy wier wekker wirden fen syn libjen yn de frjemdte en wist det er net
wer ynsliepe scoe. It libben wier great, hy woe der diel oan hawwe, hy
woe it alhiel hawwe, yn al syn stoarms fen wille en syn tobrekkend
leed, yn syn moeisume striid en ûnwisse oerwinnings. Krêftige, ûnwitten
fielings bigounen to libjen yn syn hert, hy wist himsels to stribjen
nei in fier frjemd wyt dêr’t er yet gjin namme for hie en dat nimmen
hjir forstean scoe, nimmen, nimmen—en hy fielde him frijer en rommer
sykheljen yn it witten fen dy iensumheit. Nou stie er wer allinne,
jong, sterk en striidber mank dy oaren dy’t er him hommels hiel fier
fielde, nou wist er him frij fen hjar en de binyptens fen hjar bistean;
hy sykhelle djip en fielde de hiele romte as sines. ’t Libben mocht him
sa frjemd en oerstjûr rounslingerje as it woe, hy scoe it treast wêze,
hy scoe it meitsje en brekke earder as det it him delslaen scoe. De wei
dy’t er gean moast wist er net en hy ealge det hwet er nou fêsttocht as
in bislút him wol ris gâns swier wirde koe yn it stribjen nei de
útfier, en effen twong der noch wol in binearjend fielen yn him omheech
as er tocht om Anne en mear yet om it âld minske dêr’t er by ynwenne,
syn beppe,—mar hy fielde yn him de oerkrêft fen de groun en de glâns
fen de simmersinne, en wist det syn heechste en bêste stribjen net
ûndergean scoe lyk as by de oaren, dêr’t it dageljocht yn de foarmiddei
al omdizene waerd.

Syn hâlding wier rjuchter, krêftiger wirden; hy harke nei in ljurk dy’t
to jubeljen stie heech boppe de finne njunken hjar. En yn ienen ljochte
in nij en sterk witten yet yn him op: det dit allegear moai wier, en
hysels ek. En nou wier dat witten oars as it wol west hie ûnder
tsjinst, do’t er der great op gyng det gjin fanke langer as in mennich
menuten nei him sjen koe sûnderdet se nei hwet bigoun to langjen, do’t
er it glânzgjen fen syn eagen en it lokjen fen syn mûle en syn hiele
feardige lea wol brûkt hie om haechlike winst to biheljen yn de greate
ljeafde-striid, al wachte der den ek wol in oar op him—it wier blidens
om himsels en om syn jonkheit, blidens om de klearens fen de himel en
de glâns fen it lân, mar it meast om’t hy him dêr sterk en jong to
stean wist mids de machtige Natûr, dielend yn hjar driuwen en langsten
en dy dochs glimkjend bihearskjend mei syn masterwil. Hy hie himsels
weromfoun, hy wist him yn harmonije, ien mei it drege tylkrêftige lân
dêr’t er mids de skriele heide en de ûnwennige bosken sa nei weromlange
hie. Mar ek wist er det er it net mear tsjinje scoe as slaef,
ûntkrêftige en delpinige fen de ienkennige doarpssleur.

„Fordomme” sei er yn himsels, „ik prakkesearje my heal suf”. Hy bûgde
syn rêch, en steat krêftich de lodde yn de klaei; wer fielde er syn
spieren spannen en loslitten, hy hie weelde oan himsels. Der wier in
nije klearens komd yn syn tinken, hy hie syn wearde forstien.


Dy middeis kaem de terpbaes yet oansetten mei in oare jonge arbeider.
In lang-opsketten sleauwige jonge like it yette; syn kâlde grize eagen
seagen ûnforskillich for him hinne, de smelle mûle mei tinne
bleek-readige lippen stie sinlik yn it gielige wêzenleaze antlit dêr’t
allinne waer en wyn hwet skerpe streken yn litsen hiene. Syn âlden dy’t
mei it skip foar de steger modder yn to nimmen leine, hiene him nei de
terp stjûrd om’t er by hjarres oer wier en er sa yet skoan in
stûrmennich meifortsjinje koe; loai en ûnwillich bongele er de terpbaes
efternei dy’t him moai foars en koart syn wirk wiisde, en dy’t er fen
siden oan stie to gloerkjen mei slûchslimme eagen. Do joech er him,
tsjinnich en stadich, by in kipkarre oan it wirk, hy stiek de lodde yn
de klaei en hifke in telmennich de swierens fen de fracht, as wist er
it krekte sifer fen syn heechste krêfts-ynspanning en woe er dy
lykmjittich en mei selsume soarch oer al syn stekken fordiele.

Sjoerd Lolkes, dy’t him nou by in mennich âldere arbeiders jown hie en,
meinomd yn de rigelmjittigens fen hjar wirk, en him skamjend loai to
lykjen by hjar âldere birêstende wirkkrêft, foarser bigoun troch to
setten, naem him nijsgjirrich op, sa’t er dêr stie to pielen by syn
kipkarre, dreamerich en slûch. Der wier hwet yn de nijkommer dat him
oanloek, sa’t er dat ek wol ûnder tsjinst field hie, as er, wikenlang
fierder libjend mids âld-biwende maten, in nijen-ien mirkbiet dy’t oan
it ûnderdiel tafoege wier, fen hwa’t er den sûnder it sels to witten,
in tobrekken forwachte fen it grizige sleur-bistean. Wylst er, ûnder
syn wirk wei, de oar tomûk mei de eagen neigyng en him fornuvere oer dy
syn tsjinstribjende stadigens, krige er foar ’t fisier det dy de
karrebak net fêstset hie mei it slút-izer, sa’t er, as dêr genôch
modder yn gearre wier, in moaije kâns makke om to wippen nei de iene
kant en de swiere fracht wer del to flijen oer de ierde dy’t him
ôfstien hie. De oar hie nearne gjin erch yn, stie hwet om to hingjen en
pielde den wer fierder, wylst de karre al oerwichtich waerd en
ûnrêstich bigoun to wibeljen. Einlings, do’t de gielige jongkeardel as
om syn krêften soarchsum to hifkjen, in moai swiere skepfol delflijde
op de modder yn de karre en dy by it opstekken yet in bitroulik klapke
joech, protestearre de karre tsjin syn tokoart om omtinken mei in
kreakerich lûd, liet hjar maklik op ien side del en hjar fetlike fracht
wer weiglide oer de groun.

De oaren seagen effen op fen hjar wirk, formakken hjar in setsje en
joegen gnyskjend goede rie. De pielerige jongkeardel flokte mei mear
klam as men fen him tocht hie, en stoep nei syn tsjinpartij ta dy’t er
wrikkende wer bisocht yn it lykwicht to krijen, det der yet safolle
mûglik modder yn biheind bliuwe scoe, mar syn skoerren en triuwen joech
gjin byt en der like him gjin oare wei iepen as de karre earst leech to
heljen. Sjoerd Lolkes dy’t in skoane kâns seach nou neijer mei de oar
yn de kinde to kommen, joech him nou by syn selskip wei en roun nei de
oar; dy stie yet yn himsels to fûterjen en to prakkesearjen oer de
maklikste wei dy fortretlike tafal wer yn ’t lyk to krijen, en fornaem
him net ear’t er him oanspriek.

„’k Scoe my net forskreppe” sei er droech-wei. „Astou oan ’e oare kant
giest, scil ik hjir wol. Twa kinne mear as ien. Tonei moatst it ding
fêstsette, sa haste tofolle tafal.”

De oar seach him mei syn heal loerkjende heal skrutene eachopslach oan,
stie effen yn bistân en sei do in rouwe ûnfoegens, wis det it hjir lije
koe. Hy krige dalik gjin biskie; Sjoerd seach him fûl en trochboarjend
oan, en mirkbiet mei de foarste eachopslach det de jonge sinlik bidoarn
wier yn syn hiele wêzen, en det neat as dat him syn útsûnderlikens en
eigenheit joech. ’t Wier in tsjinfaller for him, hy hie tocht en, yn it
iensum-fielen fen syn allinne-wêzen mank de âlderen, ek wol ûnwittend
forhope hwet oars yn him to finen, mar hy stie dêr by de karre en moast
hwet sizze. Om wirden hoechde er net to siikjen, yn tsjinst wier er sok
praet biwend en hied er gâns in kar krigen fen soksoartige geastigens,
en hy smiet der ien út, ûnforskillich wei, mar net sûnderdet it yn him
opljochte det it hjir oars klonk as jinsen en det dêryn in steil wird
to dwaen him hjir minder maklik ôfgyng.

Hja hiene dêr mankoar mei foun, lyk as it folle giet mei jonges út it
folk dy’t as se hwet sizze wolle oer ynliker dingen en to skruten binne
hjar bêste tinken to uterjen om’t se dat nea yn de bûtenwrâld weromfoun
hawwe, mankoar’s bitroulikheit forstean yn dingen dy’t in oar rûch en
smoarch tahearre. Hja arbeiden dy middeis meimankoar op, beide de
loaije kant it neist, en gâns stúnjend oer de ûngaedlikens fen it
moeisume wirk yn de sinne, mar oer folle oars wisten hja ek net to
praten en hja moasten sa wol faek weromkomme ta de ûnfoegens fen hjar
ynset. Sjoerd waerd stilder en stymsker nei’t de oar praetsker waerd;
earder hied er him net to goed for soks rekkene, mar as er nou de oar
syn wêzenleaze en gloedleaze troanje seach dy’t allinne forloek mei
bigearlike fâlden en opljochte fen in bidoarn glânzgjen yn de bleke
kâlde eagen, krige er sa’n twingenden wjeraks yn syn maet, det it him
kroppe yn de kiel en it him in kearmennich hast swier waerd syn hannen
thús to hâlden. Yn de sounens fen syn fielen forstie er it forskeel
twisken dat ûnfoege praet hjirre dêr’t de hiele ierde suverens amme en
de loft klearens útstriele, en yn de stêdden fen syn tsjinsttiid dêr’t
it soldate-bistean èn it stedslibben yn hjar ûntkrêftigjende gearraning
hast twongen ta soks, en dêr’t it ek gâns minder djip taestte almeast,
bleek-opljochtsjende glimpen fen in fortretlik bistean mear as it wêzen
fen de slomjende siele.—

De sinne gyng syn gloede-strieljende baen oer de loft en loek de skaden
stadichoan langer. Yn de finnen om hjar hinne dreauwen fammen en
feinten it melkfé gear, troch de stiltme hinne roppend allegearre mei
itselde lûd mar elts wer nei de toan fen syn egen bistean. Nou, wylst
de waermens fen de foarsimmer hjar wer hwet bijoech en koeler loft
gearloek oer de fjilden, like de loft hjar yette to suverjen ta in sa
ile en ûnwezentlike klearens, det de wirden opklonken yn dûbelde
swierens en, sels as it lûd hwet sêfte, as rouwe stiennen skoerden
troch it ûnsjenbere webbe fen de jountiids-stiltme. Klear en silverich
foel in toerslach dêr trochhinne, gjin spjaltende tiids-fordieling mear
mar de ivigens dy’t hearber wirdt yn in silveren toan, opklinkend út it
âlde ta wiisheit kearde herte fen Fryslân. Sjoerd dy’t it ljocht mei
syn eagen heinde en him ien wist mei de stille klearens fen de
foarjoun, as it huverlibben fen de nacht hjar al kindiget troch de
igale glâns fen de dei, swige nou en arbeide fierder yn prakkesaesjes,
oant de ploech dêr’t er ta hearde, dien wier mei it wirk en hjar ré
makke nei hûs to gean. Mei in inkeld wird sei er de oar dei, bliid det
er gean koe en allinne de strjitwei rinne nei hûs ta. Yn ’t foarbygean
fong er yet hwet op fen it stadige praten fen de âlderen, en ynienen
hearde er der nou hwet hiemens yn, forstie er hwet fen hjar ûnwittend
mar suver ienwêzen mei it âlde lân dat hjar hiele libben foarmet en
draecht en sels syn wirge bodders meijowt fen syn dimmene ienfâld.

Yn tinzen roun er de strjitwei lâns nei hûs ta. Der wier hwet
mistreastigens yn him komd dy’t yette forslimmere do’t er de wyn
striken hearde troch it rûzige grien heech boppe syn holle en troch it
wylge-gûd fen de bjirms; hy fielde him net mear sa sterk, sa ryk as de
middeis. Yn syn praet mei de skippersjonge wier it âlde ynbannige aerd
fen it folk de frijens fen syn ynliker libben wer oermânsk wirden, en
de tinzen yet fol fen de drôvens en de lytsens dêr’t er tomiddei it
sleurbistean fen it folk om him hinne yn forstien hie, syn hert yet
sterk fen syn wil dêrtsjinyn to fjuchtsjen, al scoe it him komme to
stean op alles, socht er twivelridich en ûnwittend hwet it den wêze
mocht dat him fen dy oaren ûnderskaette. Ek hja hienen ienris jong
west, as him, field as him, hope en wollen as him, mar hja hiene hjar
jaen moatten nei de twang fen hjar libben en hjar lân, en neat sei him
det it allinne mei him oars gean scoe. Do tocht er werom oan syn
weelde-fielen yn de goudene sinne, en hy seach himsels dêr stean, jong,
rjucht en sterk, hûndert ûnkleare plannen yn de geast, hûndert ûnwitten
ljeafden yn it herte, kearn-formidden fen brûzjend jonkheits-libben
dy’t as neat it kearde útweagje scoe mei machtige stoukrêft om him
hinne, en hy seach dy brûzjende krêft weirinnen yn de einleaze widens
om him ta oant der neat bleau as in amper útdroege saed fol skaed fen
krûden en blêdden fen hjerst. Hy biet mei syn tosken yn syn lippe det
er dêr in boarjende pine yn fielde, it stoarme yn syn hert, dat djip en
lûkend longere nei de sels-forgetten heechtiid fen wrâld’s dûrjende
ljeafde.




II.


Sjoerd Lolkes syn beppe, by hwa’t er yn ’e kost laei, wenne yn in
arbeiderskeamer mei twa finsters dy’t útseagen op in smelle
fortsjustere steech. Allinne it iene finster dat de hoeke fen it
fervershûs dêrfoaroer foarbyseach oant yn ’e blikke dêrefter en sels in
glimke fen de doarpssleat dy’t dy húsblokken bylâns roun, heinde yn de
golginstige simmer hwet goudene strielen yn; dy glieden ûnwis en hwet
skruten troch de earmtlike, selsum himmele keamerromte hinne, boarten
oer de forsliten matten oer de flier en streaken by de rêgen fen in
pear âlderwetske knopstoelen op en glimken bytiden sels oer de beuzige
hannen fen it kreaze âldminske, as hja by in pantsje té siet to naeijen
en to skroarjen. Hjerstmis wier it dêr gau tsjuster en de wyn bloes
faken fûl en skoerrend om de húshernen hinne; den siet âlde Minke yet
hwet roungearder as oars op in stoel deun by de bitroude hongerige
kachel, en wylst it rûze troch de skoarstien en hja de iperenbeammen
kreakjen hearde efter yn ’e blikke, mimere hja, de hannen gear en de
eagen stoarjend nei de ljochte skreven om it kachelsdoarke en de
delglânzgjende fûnken yn it yeske-laed, oer de folle bifinings fen hjar
moeisum bistean, en hja bisleat det der folle goede minsken wieren yn
’e wrâld en det men birêste moast en yens plichten neikomme.

Yn it doarp hiene hja in swijende achtinge for it fine âldminske mei
hjar bleek rimpelich antlit, adele fen ljeafde en leed, mei de wirge
glim fen hjar frjeonlike each-opslach en de wémoedige myldens fen hjar
ynfallen mûle. Hja wisten hjar libben, hofolle leed der trochhinne
jachte hie, en ho’t hja alles nomd hie mei it stil birêsten fen hjar
fordildigens, nea kleijend tsjin hwet hja forstie as God’s wirk noch
oer de rouwens en it ûnforstân fen de minsken, yn hjar slimste
forbûkens allinne in bitrienne frage yn de stille klearens fen hjar
eagen. Einlings wier it forstean komd nou’t hja stie yn de djippe joun
fen it libben; salang’t se as arbeidersminske libbe hie ûnder
gelikensen fen âlder, hiene dy faek hjar bipraet as heechhertich en
greatsk en men koe hjar swijsume krektens min sette; letter hie men
hjar biklage om de hirde bifinings fen hjar libben, mei in swym fen
leedwille earst, do mei mear wierheit yn it hert, en einlings, nou’t
amper al hjar jonkheitskinden om hjar weifallen wieren, de ien for de
oar, en hja âld en griis stie mids in slachte fen libbenskrêftige
bloeijende doarpsminsken, ginde men hjar hjar frede en kreazens, en
brocht dy de oaren follentiids for in telmennich ta in heal-biskamme
ynkear. Hjar bytsje ûnderhâld en de skriele fortsjinsten fen hjar
skroarjen koe men min oanstjit oan nimme, hja libbe nimmen yn de wei en
for it fierdere wier hja in goed en frjeonlik âld minske dy’t de
bûrwyfkes jerne hwet tarôpen oer it waer en de bysûndere ûnderfinings
fen hjar wask.

Alde Minke hie al ier yn hjar libben de birêsting leard dy’t de hollen
fen de bern fen Fryslân as in silvergrizige wolken oerswevet. As
arbeiders-famke hie hja hjar fiere en glânzgjende dreamen hawn dy’t
krekt it libben fen de bern út ’e wenstige folksklassen sa ljocht en
avontûrlik meitsje kinne: hja steane lyk yn de lichten fen in bidelte
dêr’t de wynfleagen lûke en de sinne net trochkringt, en by de helling
lâns sjugge hja steatlike minsken gean yn in goudene gloede, en yn de
langsten fen hjar jonkheit dreame hja det sa’n ien nei hjar takomme
scil en nimme hjar mei nei syn simmersk sté—yn wierlikheit faken in
earweardige pleats ef in kreaze masterswente mei oanharke grintpaden en
nagelblom-strewellen—oant it libben hjar dreamichheit oermânsk wirdt,
en hja, in strieljende maitiidsmoarn, bilanje yn de prakkesaesjes en
lêsten fen it deistige húshâldingslibben. En hja witte it libben net yn
de minsken to ûnderskieden, ûnwittende langsten en deistige
prakkesaesjes binne de ienichste lieding yn it bytsje kar dat hjar
bliuwt, en hja boaskje altomets oan ien mei in reafallich antlit en
fjouwerkante skouders dy’t de doarps-notabelen wol meitsje en brekke
kin, it greate libbensbilang sjucht yn in ûnbidich en fetlik miel iten
en soarget for de útwreiding fen de húshâlding sà det it hjarren mei
gauwens to stoef wirdt en tearen fen noed yn it antlit bringt.

Mar yn it tredde jier fen hjarren boask, do’t hja ien bern hienen en
Minke swier wier fen it twadde, hiene se hjar man dea thús brocht, yn
it lân slein fen de tonger. Hja seach mei eagen, great en hjel fen
kjeltme, nei syn frjemde ûnforweechlike stivens, bitaestte mei
triljende hannen it kâld-bistoarne antlit, seach it swarte flokteiken
fen de wearljocht-slach; do foel hja foar him del en kriet wyld en
hertstochtlik, hjar holle swier tsjin syn boarst, de hannen gear foar
it pynlike liif. Hja hearde ho’t de minsken hjar kalmens retten en
warskôgen fen to tinken om hjarsels, en mei in flymjende pine forstie
hja det hja net gûlde om hwa’t dêr nou dea foar hjar laei mar om de
wylde forwachtings fen hjar hertstocht en mear yette, ûneinich mear, om
de ûnfoldienens fen hjar klearder en heger forhopings dêr’t hja him
ienris mei kommen sjoen hie yn hjar libben, om hjarsels, de skeindens
fen hjar egen bistean. Noch kritende foar it lyk tocht hja om hjar
lytse jonge en hwet hja yette wachtsjend wier, hja waerd stilder en der
kaem birettens en fêstens om hjar mûle, en hja skrille do’t it yn hjar
opkaem det hja tonei allinne wêze scoe mei hjar bisit en forhoping, en
dêrfor stribje en krewearje mocht mei de hiele offering fen hjar
ljeafde; it wier as stie der djip yn hjar in sûndige blidens tsjin de
oerhearsking op fen hjar rou. De jouns, hiel bleek, stie hja troch it
heal-tichte blyn to stoareagjen nei de swiere moanne dy’t as in
bleek-goudene skeal dêr hong efter it silverich reach fen lytse
glidende wolkens, en hja sei stil foar hjar hinne: „forlitten, iensum”.
„Frij” rûze it, djip yn hjar, dêrefter oan; hja bisaude, en pakte in
styl fen it finster beet; hja tocht det it de divel wier.

Mar de wrâld hie hjar mei gauwens wizer makke oer de sûndige seine fen
dy frijdom. Bodzje moast hja, arbeidzje moarnsier oant jouns let by
keken en snauwerige boere-frouljue en de inkelde weetlike
doarps-mefrouwen, mei gjin oar ljocht yn hjar bistean as det it gyng
for hjar beide jonges. De rêch pipe hjar sims, de hannen priken en
pinigen hjar de hiele koarte nacht troch, en hja koe for hjar bern gjin
mem wêze oars as troch hjar ôfmêdzjend gebod by oaren; sims skriemde
hja stil foar hjar út oer it brûs fen de wasktobbe hinne, mar mei
gauwens waerd hja yette ynbanniger, hja seach gjin oare wegen mear
iepen en learde to birêsten, en de ljeafde for hjar bern makke hjar
great. Al de ûnwisse dreamen en de ûnforkleare dreamen fen hjar
famme-jierren kamen wer yn hjar to libjen, mar nou oan minsklike foarms
forboun; yn hjar útsunige ûren-fen-lins tocht hja nei oer it hiele
libben, hwet hja meimakke hie en hwet hjar dêrfen biwarre bleaun wier
as it bêste, det se mei hjar bytsje witten en rie it paed fen hjar
jonges hwet effenje mochte; en nea miskearre hja Sneintomoarns yn de
tsjerke, it iene plak fen wiisheit dat hja wist, en hwet hjar yn it
herte taestte skreau hja thús foartdalik op yn in suterich âld boekje,
det se it sizze mochte oan hjar bern, as dy freegje scoenen en hja Mem
wêze moast ek dêryn. Wûnderlik bloeide hjar geast op yn de offerjende
waermens fen dy ljeafde dy’t hja net ûndergyng as in forbline ynstinkt,
mar yn de hillige wille en it djippe witten fen hjar bitsjutting fen
stikje ta bytsje bilibbe: det hja nou, nei al de misliedings fen hjar
foreale tiid, yn in great en moeisum stik libbenswirk de forfolling
foun hie fen hjar iere dreamen, en det hja dy tsjinje mocht yn de
iensume frijdom fen hjar hert dêr’t gjin forstiivjende sigen fen
ûnwierheit mear oer gearloek.

Do’t dêrnei de groulikste slaggen kamen fen hjar libbenslot wier hja yn
de sels-forgetten offering fen hjar ljeafde sa wis wirden en
sterk-yn-hjar-sels, det hja gjin krêft mear hiene hjar geef en suver
libben to brekken. Bearn, de âldste, in stille bidêste jonge dêr’t hja
al gau fen seach det er hjar soargen net nedich hawwe scoe om it bêste
fen it libben to forstean, kaem al mei syn achttjinde jier to
forstjerren; gau bifongen en tinger fen gestel hied er altiten west, de
soargen fen syn stille ôfsûndering dwêsten de dimmene lôge fen syn
libbenskrêft, en in lange wiete hjerst mei folle kjeldlijen die it
fierdere. Hja die de rou oan en sûnt dy deis wier der nea mear in
skimerjoune sûnderdet hjar herte tahold by him, mar tsjin dominij dy’t
hjar treastigje woe sei hja sûnder to skriemen, det hja wist, it wier
better him greatbrocht to hawwen for de himel as for de wrâld. It
wieren gjin wirden for hjar, mar it djipste witten fen hjar herte.
Sûnderdet hja hjarsels dêr rekkenskip fen jown hie, hie de alles
oerstrieljende ljeafde for hjar bern hjar ta Gods-ljeafde ûntjown, hja
leaude nou yn in godlike wizens dy’t alle ûnk en pine kearde ta goedens
en ljocht, en al wier der it langst fen hjar egen hert dat skriemde
nou’t se syn sêfte wirden net mear hearre mocht noch hjar yltige hân
helje troch syn krollich swart hier, it wier libjende wierheit yn hjar
wirden det hja hjar langjen gjin macht jaen mocht boppe de blidens om
syn heil.

Mar it leauwende bitrouwen waerd wei yn in oannimmende birêsting do’t
hja, tsjin de rykste lieding fen hjar ljeafde yn, hjar twadde ûndergean
seach yn it libben, forslave oan de drank. Lang en swier wraksele hja,
sims mei it ynlikste freegjen fen hjar herte, den, wanhoopjend, mei
driging en grym, mar mei gauwens koe hja net mear blyn wêze for hjar
ûnmacht. Lolke, as jonge efterlik en dom, groeide op as in
breed-skouderige knoestige keardel dy’t om syn wirden siikje moast,
gjin oare oandwanings koe as de driuwen fen syn blyn en dierlik
bistean, dy’t, as se to libjen kamen yn syn bot forstân, hjar utere yn
wredens en lilkaerdigens. Do’t er drank preau, stie syn lot fêst; as in
gek longere er dernei it hjitte barnen troch syn lichum to fielen, as
syn stompsinnich libben opdreaun waerd yn in fjûr fen razernij en de
minste oanlieding him ta in grousume útboarsting brocht. Do’t syn mem,
riedeleas en yn wanhope, nei in skriklike striid de machtleazens fen
hjar wêzen njunken syn ûnminsklike krêft forstie en hy hast eltse joun
stjonkend en smoarch hjar doar ynstoattelle, bistoar hjar âlderljeafde
yn in doffe ûnforskilligens for alles hwet him oanbilange, en do’t er
kaem to boaskjen oan in skippersfaem, hwaens feint er ienris yn rûzje
tsjin de stiennen slein hie, seach hja ôfwêzich ta: hja wist ho’t hja
slein wier en longere fen nijs nei bifrijing.

Hja rekkene det hjar libben efter hjar laei, en forstie net hwer’t it
ta tsjinne hie. De bloei fen hjar maitiid wier yn nachtfroasten
forskromfele, de frucht fen hjar simmer forlern. Hja hâldde neat as
hjarsels en it ynsjuch det it hjar wol ferge wirde scoe yet in setsje
yn it libben to bliuwen, en det hja hjar sa hâlde en keare moast det
hja nimmen ta lêst wêze scoe en hjar âlden gjin ûneare dwaen. Hiel
dimmen waerd se yn hjar dwaen, men hearde hjar bûten hjar boadskippen
en de needsaeklike wirden tsjin de ljuwe dêr’t se arbeide, amper neat
mear sizzen. Sims, ynienen, by lytse oanliedings, as hja hjar
finster-blomkes hwet to drinken joech en it libben dêryn mirkbiet, ef
as der hjerstmis in wiettich blêd oanklibbe tsjin it finster, snokkere
hja it út; den waerd it deiljocht hjar ûndraechlik en hja joech hjar
nei hjar kelderke dêr’t hja ûren to stoarjen siet yn it tsjuster. Mar
it wrede ljochtleaze libben woe hjar net bijaen. Sinne en tsjuster
wikselen mankoar ôf, hjerst folge de simmer, it greate barren fen
bloeijen en forgean gyng syn forheven gong, en as in lyts dieltsje
dêryn bistie hja fierder en hja forwûndere hjar yn in griis ûnbigryp
oer hjar foartbistean.

Earst hiel stadichoan, mei’t de pinen fen hjar leed forsêften wylst hja
bifoun det hjar geef gestel hjar steande hold en natûr en tiid it
greate wirk oan hjar folbrochten, learde hja yn hjar iensumheit wrâld
en dingen oars to sjen. Net det hja mear nocht oan it libben krige, mar
inkelde tiden, jouns as hja foar it finster stie en út ’e nauwe steige
wei lytse snieën wolkens driuwen seach oer stjerre-kleare loft, ef hja
laei nachts wekker op hjar bêd en hearde ho’t de ticht-leavige beammen
lústeren yn it streakjen fen de wyn, den forstie hja mei triennen yn
hjar eagen wol det net hiel de wrâld ilindich wier en fen God
forlitten, al kaem der bitterens yn dat forstean om’t hja dy moaijens
nea mear genietsje scoe yn de wille fen in suvere forhoping. Oan lytse
dingen bigoun hja hjar wer to hechtsjen; lyk as it bloed syn
libbensroungong dwaen bleau troch hjar forâldzjend lichum, sa weage de
saed fen ljeafde ek fierder yn hjar herte, en hja mocht ek noch sa
bitter hjarsels foarhâlde det al de blidens fen it libben, al it wêzen
fen hjar ljeafde hjar ommers binomd wier, hja koe der net for det hja
minske bleau, fen de libbenssigen fen ljeafde bisiele. Hja seach nei
hjar roaze- en wyt-kleurige blommen yn hjar finsterbank ûnder de
forsliten mar skjin-wite kleedtsjes en hjar herte trille mei yn it
barren yn dy lytse bisletten wrâld, dêr’t it libben him dochs ek mei
syn dimmen mar ivich langst yn ûntjoech; en ienris, do’t hja in
finne-paed lâns moast nei in boer fen hjarres, mids ikkers dy’t, tsjin
de ûngetiid oan, to blomkjen en pronkjen stienen yn simmer-dreamige
weelde, hie hja it libben wer sa ljeaf det hja gyng sitten oan ’e kant
fen ’e weinreed mei it rûzjen fen it gers om hjar hinne en de
swier-strieljende sinne boppe hjar holle, en do’t hja weromtocht oan
hjar bern, lei hja wol yet effen de hân tsjin hjar hert, mar yn hjar
eagen bleau in djip en stil glânzgjen nei.

Hja wier âld en allinne, dizze jiermennich, en bytiden tige iensum. Hja
hie de wrâld fen minsken yn it antlit sjoen en wier net mear it fanke
dat dreamde det der ien komme scoe om hjar foar de skientme fen it
libben to bringen, noch de folwoechsen frou dy’t nei in mennich kear it
heechste hawn to hawwen der heal wers fen waerd en pynlik stried
twisken it langjen fen hjar libben nei de folsleine oerjefte èn de need
det hja dat heechste allinne diele koe mei ien dy’t hjar tsjin wier—en
nou wist hja hjar to wirch en to âld, en de stoarms fen libbenswille en
leed foarby. To forwachtsjen hie hja neat mear, en hja hie hjar frede
net foun. Hja hie net de rike oantinkens fen in great en bloeijend
simmerbistean dat de hiele hjerst yet oerjounet mei dimmene tank for de
geneden dy’t me learde to forstean, en sûnder det hja it wist wier hjar
greatste leed net it forlies fen hjar jonges mar de wrede wierheit det
alles, om hjar, ljocht en moai wêze kinnen hie as hja mar net yn de
brân fen hjar langjende jonkheit de ljeafde nomd hie sûnder hjar om de
wearde dêrfen to bikroadzjen. It libben hie hjar it hirdste leksum
leard dat sa mennichien earst mei de joun forstiet, det de swiidste
rykdommen fen it bistean yn hjarsels earmtlik en weardeleas binne en
earst ynhâld winne en greatens út ’e hannen dêr’t men se út tapart
krijt. As fanke hie hja tofolle dreamd om de tsjoen fen hjar forhopings
ea wer to forjitten, en de minlike skimen dy’t ien treast en myldens
binne fen hwa’t hjar altiten klear foar eagen hâldt, foroarje yn
swijsume en strange rjuchters as it herte, yn tiden fen wif forjit, him
meinimme lit de wenstige wegen lâns en syn stille liedsters ûntstjert.
Hja libbe nou it dimmene en hwet foriensume bistean dat sa hiem is yn
Fryslân, in hwet wirge glâns fen tofredene myldens yn it each, in sêfte
weamoedige klachte yn de siele.

Fen Lolke en syn wiif hearde hja allinne mear fen siden yn; hja hie
gjin spil mei hjar hawwe wollen, mar gyng út egen oanstriid nea nei dy
hûshâlding dêr’t hjar fromme winsken for hjar bern op it roust yn
misfoarme waerden, dêr’t it gearhong fen sûpen, flokken en slaen, wylst
Lolke syn wiif hjar ynfierene bidêstens net sette koe en hjar ljeafst
op it pynlikst to nei kaem. In pear kear kamen hja hjar mei smekings en
drigeminten oan om jild, mar hja hie neat to jaen, hja moast der sels
sunich by lâns om der to kommen en de dúdlike wierheit fen hjar
úthâlden makke det dat freegjen him net wer oppenearre. In skoft letter
fornaem hja det Lolke syn wiif by him weiroun wier nei’t er hjar yn in
oanfal fen dronkemans-razernij sa to nei west hie det de dokter dêroan
to pas kaem; effen skrille hja do’t hjar trochdien waerd det frjemde
minsken nou opkomd wieren for Lolke syn jonge, hjar ienichst bernsbern,
en hja tocht eft it net op hjar wei laei soks op to freegjen for hjar,
heal yn de forhoping det hjar libben sa wer in doel krije scoe dat
hjasels forstie. Mar hja wier dy tiid yette to mêd om der wirk fen to
meitsjen; hja koe hope net mear los tinke fen toloarstelling en leed,
en praette hjar foar det frjemden dy’t it der fen nimme koene, de jonge
ek mear goeddwaen koene as hja mei hjar suterich bisteantsje.

Op in kleare wintermoarn, do’t it let fen de doarpsklok hinnesong troch
de froastige klearens fen de loft en hja it bibeltsje al yn ’e hân hie
for de gong nei tsjerke, kaem it nijs fen it forlies dat hjar gjin kar
mear liet; Lolke wier, heal oansketten, do’t er dwersoer nei syn boer
ta scoe oer de ûnbitrousume opfeart hinne, troch it iis rekke en oan
syn ein komd. Hja hâldde hjar fêst oan ’e tafel en bistoar as in deade,
mar bleau rjucht stean en stoarre de frjemde man dy’t hjar skruten de
tynge brocht mei in fêste ûnfetbere glâns yn hjar eagen oan; wyld
forkrongen de tinzen mankoar yn hjar herte, leed det de dea nou alles
nomd hie dat hja ienris droegen hie oan hjar hert, birêsting om’t hja
ljeaver hjar bern weinomd wist as sûndige wegen geand, de rêst fen hjar
swiere plicht as mem neikomd to hawwen ek foar dizze forsmitene oer, èn
de djippens fen it witten, ien amerij, det hjar iensumheit nou folslein
wier. „Soa”, sei hja sêft nei in skoft fen swijen det de frjemde binijd
ôfwachte hwet dat minske, dat de dea fen hjar bloedegen soan mei sa’n
selsume ynbannichheit fornaem, wol sizze mocht; „’k hie ’t forwachtsje
kinnen, al lang, en ’k ha mear ôfstean moatten.” Mar do’t hja tocht om
hjar iensumheit, skeat it hjar yn det der krekt troch dizze ôfstjerte
eat oerbleau, dêr’t hja nou de heechste rjuchten op krige en sûnderdet
hja neitocht oer hwet der komme koe fen hjar wirden, lang ear’t hja for
hjarsels komme kinnen hie ta in bislút, hearde hja hjarsels sizzen: „de
jonge nim ik fensels nei my, dy heart nou hjirre.” Hja sette it
bibeltsje op it kastke oan it lewant, seach effen nei de loft en brocht
ien en oar yn oarder; do sleat hja de doar en hja gyng mei de oar op in
paed nei it doarp dêr’t Lolke forkeard hie, wylst de snie hjar rounom
yn de eagen glinstere en hja op ’e stadich ûntlittende wei sims mar
moeisum foarútkaem.

De frjemden dy’t oan dy tiid for lytse Sjoerd soarge hiene, moasten him
wol ôfstean do’t syn beppe dêrom frege. De jonge seach mei greate eagen
nei it âld minske dat him meinimme scoe; hy hie it goed hawn, de lêste
tiid, en gûlde do’t er mei hjar moast, mar hjar wis hâlden en sêft
praten makke det er al gau bitrouwen yn hjar krige. Op it paed nei hjar
hûs seine hja beide net folle, mar sims die de boi Minke mei in hiel
skoft swijen in frage dêr’t hja hast kjel fen waerd: hy woe witte fen
syn âlden, hwerom’t er hjar nea earder sjoen hie, eft der yet oaren by
hjar yn hûs wennen. Do’t hja him sei det hja lykme allinne libbe seach
er ynienen tige drôf; hy tocht om syn lytse boarters dy’t net meigyngen
en sûnder lûdop to gûlen, bigoun er to trieneagjen en kroppe der hwet
yn syn kiel. Minke seach it en dat stil droegen jongesleed loek hjar sa
om it hert det hja hjar net mear sa ynbine koe; hja streake him om syn
holle, sei det er it goed by beppe hawwe scoe en bigoun to fortellen
fen de lytse dingen yn hjar wentsje, det de jonge hwet niget hawwe
mocht as hja thús kamen en hy syn nocht hawwe scoe oan it nijs.

It waerden swiere jierren for hjar, dy jonges-jierren fen Sjoerd. Net
om himsels: hy wier in moaije kante beuker lyk as mennich mem ûnder
hjar bern net hie; syn suvere blauwe eagen stiene to laitsjen yn in
soun mar fyn-biteikene antlit mei in lytse fine mûle, dreamich en dochs
wilskrêftich, syn dûnker hier krolle nei foaren oer in blanke sterke
foarholle—sa feardich en ljocht syn útsjuch wier, sa wearspannich en
ûndogensk syn kweajonges-bistean op strjitte en skoalle, en allinne for
Minke dy’t altiten hjarsels bleau en him stjûrde mei hjar eagen hied er
in stil ûntsach. En dochs wier Minke hjar lok net fredich; de
oantinkings oan hjar egen bern, oan hjar wrede foriensuming oerskaden
yette hjar libbenswille, en eltse kear as hja fielde ho ljeaf hja dy
feardige streupert krige loek it fen leed yn hjar herte, en hja moanne
hjarsels tsjin in to sterk fielen fen ljeafde, det hja hjar net wer mei
hjar hiele libben hechtsje scoe oan eat dat hja eltse dei wer binomd
wirde koe. Hja learde de greatste libbenswizens dy’t is to tankjen for
hwet west hat en oer it komstige alhiel neat to forhoopjen, mar hja
wier minske genôch om dernei to langjen him great to sjen en lokkich,
det hja foldien wêze mocht oer hjar libben en ynsjen det alles, alles
goed west hie. Mar yn de earnst fen hjar witten det Sjoerd net libbe
for hjar, mar det hja earder al hjar soarch en ljeafde jaen moast det
hy it libben sterk en great tomjitte gean koe, achte hja syn lot nea
oan hjarres forboun en liet him folle frij, nou bang en den wer
forhoopjend hwet der út him groeije scoe, altiten bisletten it measte
oer to litten oan it Albiwâld.

Hja hie in skerp each en mirk mei gauwens det de jonge in swier libben
krige. Hy wier sims gâns sinnich en ûnbirekkenber; sims, as er in hiele
moarntiid útlitten boarte hie mei syn maten en by alles de foarste
west, yn it dryste mear as yn it goede, as hja him oan hjar wasktobbe
yn ’e blikke skoften lang op ’e bûrren roppen heard hie mei in lûd dat
fier oer de oaren hjarres hinne klonk, kaem er stúnjend thús rinnen om
in ding dat nei hjar sin neat to bitsjutten hie, in wegering fen de
oaren to dwaen lyk hy it hjar hiet—hy wier der djip fen oertsjûge det
dy bange lefferts dy’t net heal doarsten hwet hy bistie, gjin rjucht
hienen op in egen sin—ef sels in spotsk wird dat ien fen syn maten der
sûnder erch útsmiet. Earst fleach er dy den oan en socht hjar mei syn
fûsten ta rede to bringen, mar do’t Minke him dêroer ris gâns bikibbe
hie en sei det dy oaren it sels net helpe koene det se net sa sterk
wieren as hy en det syn masterskip yn it fjuchtsjen neat sei fen syn
rjucht, bigoun er dat ôf to learen, earst yn forheftige skriemfleagen
nei sa’n fjildslach, letter ek foardet er bigjinne scoe; en den joech
er him sûnder in wird to sizzen nêst hjar yn ’e blikke del, de knibbels
oer mankoar, de iene hân ûnder it kin, wylst de lippen yet stiver
oanmankoar sletten liken as trochstrings en syn ljochtsjende eagen
stoar seagen nei in tichtby ding. Sà seach Minke him altiten wer foar
hjar, letter do’t er great wirden wier en de tsjinst him by hjar
weihelle: de moaije, breedskouderige jonge, hwet foaroer yn wrokjend
tinken, ûren sims swijsum en yn himsels keard oant de triennen him oer
it antlit rounen. Unrêstich waerd hja dêr net fen: hja forstie det ho
swierder it jonge libben striidt nammensto gever krêft it wint, en hy
koe as him neat yn de wei wier, sa bliid en strieljend wêze as de
djoeijende Maitiid sels.

Dochs wier it goed for him do’t de tsjinst kaem en him losmakke fen it
ienselvige doarpsbistean. Do’t it jonkheitslibben bigoun to gestjen yn
syn folkrêftich libjend lichum en hy yn de omgong mei syn maten by
hjarren de skande merkbiet, iepenbiere hjar yn syn geast in sa
driuwende ôfkearigens fen de minske en sa’n úthâlden siikjen fen de
iensumheit yn de iepenens fen it maitiidslân en de ôfsûndering fen de
stiltme, det er mei himsels stride mocht oer de libbenskrêft dy’t er
yet net trochgroune, det Minke yn ûnrêst kaem en mear forkear mei de
minsken for him winske. Mar ek wist hja det er sterk en hearskjend
bleau yn syn swijsume iensumheit. Do’t er syn doarp forlitte moast hied
er by de twang fen in great langst himsels dochs geef en suver biwarre,
en hy gyng nei de frjemdte as immen dy’t allinne rêdding wachtet fen
himsels.




III.


Minke wier hwet ûnrêstich, dizze foarste dei det hja Sjoerd wer op syn
wirk wist. Mei hjar fyn en suver oanfielen fen minsken en dingen, yet
skerpe fen hjar smertlike bifinings hjar hiele libben troch, forstie
hja hjar bernsbern djip, ek al waerden der nea folle ynlike wirden
twisken hjar sein. Faek hie hja him mei hwet argewaesje opnomd, as er
yn syn tsjinsttiid in deimennich frij wier en thús, en mear as ienris
hie hja klear sjoen det syn hast útlittene en libbene blidens fen wer
thús to wêzen yn de foarste dagen, gau wer bisakke, oant er tsjin it
lêst ûnwennich bigoun to wirden fen it jachtige libben om utens, ho’t
er it ek socht to forbrekken. Hja seach dat sûnder folle leed, hja
bigriep it. By sa’n stil en swijsum âldminske as hja wier, tocht hja,
dy’t sels gjin bigryp hawwe koe fen it brûzjende libben dêr jinsen yn
’e fierte, koe sa’n libbenskrêftich jongkeardel as hy, him dochs net
thús fiele.

En hja praette hjarsels foar det hja ommers ek gjin rjuchten op him
hie: him greatbringe, det er yn de wrâld syn wei sels siikje en gean
koe, dêr hâldde hjar wirk mei op. It libben hie hjar leard neat mear to
freegjen for hjarsels, mar it moaije en ljochte dat dêr troch him
altomets yet yn skynde, to nimmen as in great mar tiidlik lok, dêr’t
hja eltse dei ré for wêze moast wer ôfstân fen to dwaen, lyk as it yn
de Bibel fen de Kristens ek ferge waerd. Mar wol tocht hja om Anne, syn
feardige faem dy’t op him wachte, en hja winske tige det dy twa lokkich
wirde mochten meimankoar, en hja dat sjen yn hjar libbensjoun, det hja
fetsje scoe hwer’t hja for libbe hie. Hja bigriep it ek net oars: it
libben koe sa wreed en hird wêze, en in minske allinne koe it net
wearstean; hjarsels hie, tocht hja, al hie hja de forfolling fen hjar
ynlikst langjen nea foun, dochs altiten de hope op dy forwezentliking,
it tiidzjen fen dat greate dat yet komme scoe, steande hâlden—hwa’t
hjar sein hie det krekt hja ien fen de dead-inkelden wier dy’t oerwoun
hawwe yn de libbensstriid út krêft fen hjar ienlikheit dy’t hjar tichte
by God bringt, scoe hja faeks djip yn hjar herte rjucht jown hawwe, mar
meistimd hie sels hja him net. En oan Sjoerd syn trou, det it him
mienen wier mei dat moaije sterke fanke dêr’t hja fen hâldde mei de
forhoping det dy it lok hawwe scoe dat hjarsels ûntgien wier, scoe hja
eltse twivel sûndich achte hawwe, en hja wegere sels om soks to tinken.
Mar dy ôfstegere tinzen, skimen dêr’t men aloan tsjin fjuchtsje moat
wol men se gjin sté ginne yn yens herte, bleauwen deun yn hjar omkrite
en makken it hjar swier, sûnder det hjasels de groun fen hjar ûnrêst
wist.

Hja hie hjar wrakke reiden stoel mei it brune kjessen nei it finster
tahelle, om dêr hwet to skimerjounjen; hja koe dêr de sêfte mingeljende
gloede sjen fen de skiedende simmerjoun, dêr’t hja hjar altiten oer
fornuvere—hwet frjemds en hillichs like hjar dat ta, as dêr de himel
net wier den moast dy dochs deun dêrby wêze; it die hjar nij dat
dominij dêr it yn syn preek nea oer hie. In bytsje biskûl efter hjar
graniums, seach hja út, de wirge hannen gear yn de skerte, mei stille
blidens om dit fredige skoftke det hja net mear sjen koe to skroarjen,
yn hjar eagen de myldens fen de jounloft en sims de twinkeling fen it
téljocht, lyk dat yn it finster wjerspegele tsjin de mûrre fen de
ferverswinkel dêrfoaroer. Hja wier binijd det de libbensjoun sa moai en
klear wêze koe, net mear in fûlbannich langst dat him rjuchtet op
inkelde dingen, mar in sêft en myld libbensfielen dat alle dingen like
mei to dielen fen syn tearens, det de hiele atmosfear yn it geastlik
ljocht fen dy jountiids-stiltme kaem to stean. En frjemd, hja tocht nei
oer de striid fen hjar libben dy’t hjar ienris sa delbûgd hie: ho
oerstjûrich, ho ûnwier like hjar dat allegear, ho folle hie der dochs
west yn hjar leed en blidens dat gjin stân hâlden hie tsjin dizze
ûnkearbere oersêfting fen de tiid, ja alles like dêryn ûndergien oant
der neat mear wier as dat rinnende stil weistreamende ljocht. Alles?...
mar wer seach hja troch dy skimer fen tear glânzgjen de fiere myldens
fen in pear dreamige brune eagen, as yn in stil forwyt det hja hjar
sjen net earder nei dy eagen takeard hie, en hja tocht wer, ek dizze
joun wer om Bearn, hjar jonge dy’t hja sa stil ôfstien hie en dochs it
ljeafst hawn fen allegearre... Effen brocht hja de hân oan hjar holle
en glimke mei hjar ynfallen mûle stil foar hjar hinne: it wier goed,
eltse joun kaem er sà wer nei hjar ta, hja wist det hy der yet wier,
fen it folle dat yn skyn tichte om hjar ta stien hie wier krekt dat
iene bleaun dat hja nou al jierren lang net mear sjen koe mei hjar
eagen.

Hja hearde in fêste mânljues-trêd yn de steige, kearde hjar in bytsje
om, en seach. Sjoerd krige de klink fen de doar beet en scoe it
harntsje yngean; do sloech er yette syn eagen op, seach it West yn, en
bleau in telmennich sa stean, de gloede fen de stil weitarrende dei ek
ljocht yn syn eagen. Hja bleau nei him sjen en sei gjin wird yette; it
kaem hjar hast hommels oer, him sa to sjen lyk er dêr stie, krêftich en
breed yn de iepene doar, in bytsje foaroer, ien hân yn de jasbûse—hwet
mimerjends en swiers om syn mûle, as stried it yn him, sels nou yn it
kleare oanfielen fen hjar frede. Hwet scoe er yn him omgean? tocht hja
nijsgjirrich. En hja fielde ho’t hjar skimer-dreamerijen op hjar bar as
eat ûnwezentliks fen hjar weiglieden, en det hja wer foar it geve,
folkrêftige libben oer kaem to stean mei al it langjen fen syn
ierdskens en de biswieren fen syn striid.

„Joun beppe” sei er. „Jy ha mar in goed plakje opsocht dêrre. Hwet in
moaije joun, net?”

„’k Ha fen ’e middei noch in skoftke yn ’e blikke sitten” andere se.
„Mar dat koe nou fensels net mear, ’t waerd to huverich, ’t is noch
gjin simmerwaermens. Hast in goede dei hawn?”

„’t Kin der mei gean. ’t Moat earst fensels wer hwet wenne.”

Hy sei de wirden lyk as men trochstrings sokke petearen ynset, sûnder
der by to tinken, as in foarm. Mar tagelyk skeat it him yn hwet hja
krekt bitsjutten: wenne, yen wer oanpasse by dat oare, sa libje det
mensels wer in stikje fen dy wrâld mei waerd. Dalik liet er dêr
oerhinne gean:

„’t Libben is hjir sa oars as dêrre.”

„Ja” sei se sêft, en skikte nei de tafel. Hja fielde det it dêr net mei
ôfroun wêze koe. En socht nei sokke wirden dy’t him gjin wei mear litte
scoenen om wei to winen foar in klear biskie, in útwizing oer hwet hja
nou forstie as de groun fen hjar ûnrêst.

„Mar dou bist hjir ljeaver as dêrjinsen, net?” sei se do.

Hy seach hjar oan, binijd, en twiivlich eft hja nou mei hjar fine
fielings al forstien hawwe scoe hwet him yn ûnfrede brocht. En fielde
tagelyk det er it net bistean koe hjar in ûnforskillich en ûnwier
andert to jaen.

„Ik wit net”, sei er do mei in ûnwillich gebeart. „Net om hjirre
fensels, beppe, ik bin ljeaver hjir by jo as by ’t soldatefolk, dat
witte jy wol. Mar ’t is om dy minsken hjir om yen hinne. Dat wier dêr
sa oars. ’t Is wer itselde as do’t ik hjir earder wier: der is suver
gjin praet by, ’t is krekt eft men allinne is.”

„Dat is men ommers ek” sei se by hjarsels; effen tocht se om egen
libben. „Mar aste dy mar hwet yn dyn wirk thúsfynst, dat weacht it
swierste. Dat komt eltse dei wer, mar de minsken, dêr hat men dochs nea
folle fen to forwachtsjen, leau ’k. ’t Measte scil wol út yensels komme
moatte. En follen hat men ommers ek net nedich op ’e libbenswei.”

„En dochs is ’t it wirk net”, lei er yn. „Dêr kin men fen meitsje hwet
men wol, dat hoecht yen net tsjin to wêzen. Mar den moatte der gûnt om
yen hinne wêze dêr’t men hwet oan hat, oars hâld ik it net út. Under
tsjinst wier dat sa oars, dêr forwachte men neat, men naem de dingen
sa’t se wieren, en den foel it faek wol mei. Dêr koe ik bêst wiken
allinne wêze; as men dêr allinne wier, den _wier_ men net allinne, den
tocht men om thús. Nou bin ik thús en ’k ha hjoed eltse kear by mysels
sein: dit is it nou, dit is it nou. En do hie ’k weirinne wollen. Och,
it bitsjut neat fensels, ik bin altiten sa’n swartsjender, ’t is altyd
sa.”

„Net wier”, sei se glimkjend. „Dat wit _ik_ better. ’k Hie ’t wol tocht
det it yn’t earst net sa maklik gean scoe. Mar ’t libben is altiten
striid, Sjoerd. En hjir bist tominsten frij, hjir kinst sels bisiikje
it bêste dêrfen to meitsjen.”

„Wit beppe wol det ik hjir net sa frij bin as dêrre? Dat ha ’k hjoed
tinke moatten. ’t Is hjir allegear sa oars, men kin hjir lang safolle
yensels net wêze. ’t Is krekt eft hjir in heap dingen net meije dy’t
dêr wol goed wieren. Dat kin dochs net, wol beppe? Hwet goed is moat
dochs rounom wol itselde wêze?’

Dat wier in frage dêr’t hja wirk mei hie. Hja seach earnstich yn it
téljochtsje en bistoarre it rêstige flamke sa krekt as wier it in lôge
dêr’t skielk godlike wiisheit út iepenbiere wirde scoe. Hja hie yn ’e
mûle fen to sizzen fen fensels, mar bitocht ynienen ho’n heap dingen
hja nou oars, en sims krektoarsom, seach by do’t hja as fanke it libben
yn ’e mjitte gyng.

„’t Is frjemd”, sei se do skruten, „mar ’k scoe hast tinke fen net. As
it libben oars is, den is it goede fen ’t libben ek oars, dat moat wol
sa wêze. En dochs is der hwet dat altyd gelikens is. Der binne rounom
goede dingen en dêr moat men nei stribje. Hjir ek.”

Hja hienen eartiids faek sa sitten to redendielen, it âldminske dy’t in
lang swier libben efter hjar hie en altiten djip bistien hie, yn leed
en wille beide, èn de ûnrêstige siikjende jonge dy’t eltse kear wer
nije ljochten opkommen seach en weiwirden yn de nacht, sûnderdet er
hjar bistean bigriep; en hja wieren faek fier komd, bliid mankoar to
helpen, stille greatskens yn hjar as hja wer hwet foarútkomd wieren yn
hjar libbensforstean. Yn Sjoerd syn ûnthâld wieren dy ûren mei fen it
heechste út syn hiele libben, yn tsjinst hied er dêr faek greate stipe
oan hawn, en hy hie it meast weromlange nei dy stounen dy’t sa hiem
binne by ús folk, as de ynbannige siele hwet stille wiisheit skept út
hjarsels, libjend en hjar heechste tinzen omfiemjend. Nou wier dat âlde
wer nij wirden, dit wier alteast libjend bleaun. Yn ienen fielde er him
sa thús as it dy hiele deis yn syn wirk en mids de iepene myldens fen
de Fryske lânsdou net west hie, de triennen kamen him nei de eagen.

„Mar hwet scoene hjir den dy goede dingen wêze, beppe?”

Der skeat hjar hwet yn dat hja dalik sizze woe, mar hja kearde it effen
tsjin: as wier der hwet dat hjar moanne det hja dêrmei tofolle weage.
Mar do’t hja hjar bitocht, like it dochs sa ienfâldich, hja koe it bêst
weagje; dos sei hja, nei in skoftke stiltme, sûnder to bitinken det dy
telmennich krekt in ûngewoane klam oan hjar wird joegen:

„Anne.”

Der gyng him in skok troch de lea, syn hiele kleare tinken ûntdreau
him; hy fielde allinne mar det hja dy’t it libben sa trochgroune en
sokke wize dingen sei, him in wei wiisde dy’t er miskien gean moast, en
dêr’t er, lef en selssuchtich, net op trochtinke wollen hie. Hja koe
him oansjen det er yn tige twivel stie en seach him mei soarch
oereingean.

„Ja”, sei er, „dat ... dat is sa. En hja wachte joun op my, en ik ha
net ienris by hjarres oansjoen. Is ’t beppe goed det ik ... ik woe wol
graech ...”

Ho’n sinne der nou oer hjar antlit kaem! Hja knikte en glimke allinne
mar. Effen naem er de ronfelige hannen yn sines, do gyng er.


Hy roun de steige en de doarpsbûrren troch mei in frjemd, sterk en
himsels ûnbigryplik fielen yn it hert. Langsten en tinzen riisden der
yn him omheech mei in krêft eft hja jierren weromtwongen wieren en nou
troch Minke hjar wird hommels bifrijd. Hied er in djip fielen hawn fen
skild, it wird scoe him taharke hawwe as in strang en ûntsjinstriidber
oardiel; nou, mei de striid fen syn jonge tinzen yn him, mei in licht
en glimkjend tinken oer hwet er de lêste tiid bistean litten hie
twisken Anne en him yn, mei syn gestjend moed dat it libben oermasterje
woe yn greatens, kaem it him ta to lykjen det dat iene wird al syn
gedriich en getwivel forslein hie. Hy hie aloan Minke foar eagen, sa’t
se dy namme neamd hie mei in fredige glim yn hjar wirge eagen en oer
hjar fyn rimpelich antlit, hy wist ho’t se gjin wird lichtfeardich sei,
en nammensto faker dy namme mei hjar myld sizzen yn him opsong,
safollesto klearder waerd it him oer de takomst, safollesto waermer
libbe it yn syn hert.

Anne—dat wier de maitiid, de ljeafde, it libben. Frjemd sa’t hjar byld
dat dy hiele deis sa skimerich en fierôf west hie, him nou ynienen
klear en suver foar eagen stie. Hy seach hjar de bossen himmeljen op it
stalt, strieljend, simmersk, de fleisige earms readich fen it koele
grêftswetter, it moaije reafallich antlit mei de doarende blauwe eagen
bûgd oer de libjende spegel foar hjar, hjar bloun hier glânzgjend yn de
simmersinne; hy hearde hjar sjongen, hwet lûd en skatterjend, mar
útlitten fen libbensnocht, sterk fen blidens. Hy wist neat moaijers
noch dat him mear meinaem yn syn hiele omkrite; hied er om hjar mar
earder tocht, it hie him in fortretlike dei bisparre. En earst nou’t de
joun gearloek oer ierde, nou’t er hjar namme mei ljeafde en forhoping
hearre moatten hie út in oar hjar mûle, nou oerstriele it him as de dei
sa klear det der gjin groun west hie for syn twivel, det alles dat de
skientme en bloei útmakke fen dit swijsume lân gearroun yn dy iene dy’t
dêr libbe yn de folkrêftige waermens fen hjar simmerlangst en dy’t nei
him útseach as de kening fen hjar libben. Neat as dat iene wird
iepenbiere him hommels syn libbensdoel, hie de twivel yn ien fleach fen
him weispield, det er nou wer frij en suver stie foar it hiele libben,
dat er nou wist fen syn krêft en syn libbenswei.

It skeat him yn ho frjemd en ûnklear er dêr fen ’e middei to dreamen
stien hie op dy terp. Dochs hie er dat field as in greate libjende
wierheit, en sels it triljend fielen fen syn maitiidslok nou wier net
sterkernôch om him wys to meitsjen det det oare neat west hie as
bangmakkerij fen himsels. Mar yn de klearens fen syn tinken nou forstie
er ek foartdalik hwet der foroare wier sûnt dat gemimer: hy hie yn syn
tinzen Anne ûnrjucht dien, neat yn hjar sjoen as de faem dy’t mei him
frije woe en boaskje skielk, det er tsjinnich yngyng tsjin dy
fortretlike oanslaggen op syn frijdom—hy dy’t hjar sa nei wier, hie
hjar sa’n stik minder forstien as dat âld minske dat sa wis en klear
sein hie det it bêste fen syn libben bistie yn hjar. It waerd him yn
ienen klear hwet twisken hjar ynkomd wier: hy hie in spjalt makke
twisken syn libbensdoel en hjar, dat ien wier en jimmer bliuwe moast,
hy hie dreamen hawn fen ûnneamber en great wirk dêr’t hja bûten stie,
sa’t er kieze moast twisken dat frjemde en hjar—en hiel de moaijens fen
syn lân en de strieljende krêft fen de sinne wier ommers bilichume yn
dy iene! Nocht en greatens, in wûnder dat er nou mei syn tinzen yet net
omfiemje koe, moast it libben wirde mei hjar. Ho wier dat oare dochs
twisken hjar ynkomd? wier it de fierens twisken hjar wenjen yn de lêste
jierren, ef de oerhearrigens fen syn tinzen dy’t alles yn hjar opnamen,
det er hjar byld net aloan foar eagen seach, det sels...

In kâld en wreed tinken skeat him yn, dat him huverjen die as yn
koartse; hy doarst it net fierder sjen, nou net. Sa hommels toskoerde
it syn forheftich en stoarmjend fielen fen lok, det er stilstean bleau
op ’e strjitwei en kjel om him hinne seach. Yn it West lôge nou in wide
sêftreade wjerskyn dy’t sêft útweage nei de loft boppe him dy’t
tear-grien by de strjitwei-beammen bylâns blonk; twisken in pear
forwrongen beammen foar him út seach in bleek-silveren stjerre him
freegjend oan, oer in doarpstoer in ein lofts riisde de moanne yn
read-koperen rounens. Njunken him roun in nou droege en koarstige
modderwei it lân yn, troch in pear stikken miedlân nei barten oer in
opfeart hinne, dêr’t nou wylgen en reid dreamerich to lústerjen stean
moasten. Yn in hast pynlike skerpe krektens namen syn eagen dat
lânsbyld yn hjar op en hy forwûndere him oer de moaijens fen de joun;
mar hy wist det dat binearjende forstiivjende tinken weromkomme scoe
sadré’t syn eagen it frede-byld fen de jountiid loslieten. Eft it
tinken foar him as in skut oer de strjitwei stie en hy him dêrtsjin oan
bloed rinne moast, kearde er him, as for ûntwyk, fensiden en roun er it
lân yn, nei de opfeart en de wylgen, dêr’t it rêst wêze moast en dêr’t
er dat oare wer talitte koe yn syn tinken—oant er dêr net wier, woe er
oer neat mear tinke, neat witte as de dizige bylden fen de joun om him
hinne.

Hy kaem dêr, en joech him del; en itselde skoft briek dy driging wer
oer him los, det er syn eagen takniep en him langút to lizzen joech oan
de wâl. Hy seach hwet der mei him bard wier yn de frjemdte, en fielde
him wé wirden om it hert; as in ûnmjitlik skaed sloech de skild oer syn
fielen del, it witten det er syn trou en sels syn sterkens dêr net
biwarre hie, det er weigliden wier yn de noegjende lossens fen it
libben dêrre, det er dêr lein hie oan oare herten, de twang fen oare
lippen field hie op sines. Al dy jounen fen útlitten forkear, det er
bliid west hie en as in helt sa krêftich, det er nomd hie fen de
sinlike jeften dy’t ek him dêr bean wieren, riisden fjûrich en
driigjend foar him omheech en syn mûle forloek as fen eangst do’t er
tocht oan hwet dy ienris dêr nomd hie yn triljende wille. Nou wier de
spjalt twisken de fierte en him, dy’t er tomiddei al brekken field hie
by it smoarge praet fen de skippersjonge op ’e terp, folslein, mar yn
him droech er as de tsjustbere oantinkens mei fen hwet yn ivichheit as
in klacht oereinstean scoe yn syn ûnthâld, de barnende smetten yn syn
suverens, de flok fen dat forliedend jaen. Oer de iensume riedleaze
jonge oan de silvrich oerglinstere opfeart stiene driigjend de
forwitings fen syn mar sa lytse en forklearbere sûnden, en syn hannen
twongen gear ta fûsten en syn tosken bieten de koartsich forlûkende
lippen as hisen de feale Wrekgoadinnen him oan.

En as in snijende pine forstie er det dat ivich bleau, det er nea Anne
wer mei suvere eagen sjen scoe. Hja dy’t hjir wachte hie yn it blide
sterke bitrou fen hjar ljeafde, dêr’t de waermjende simmerskens fen dit
lân yn striele, dy’t de rykdommen en it doel fen syn libben bisleat, hy
scoe nea mear oars yn hjar sjen as de forliedlike pracht fen hjar
frou-wêzen; yn klearens om hjar tinke lyk as men tinkt oan yens dreamen
en oan God, scoe er nea mear. De frjemdte hie him it libben to sjen
jown yn syn moardzjende djipten; hwa’t ienris dêryn seach, nimt syn
ljeafde nea mear as in dream fen stille en kleare forhoping. Heal en
heal forwûndere er him oer it frjemde det er dêr syn fallen nea sa
ilindich en wyld forstien hie; hy hie der oerhinne lake, tocht det it
dêr net lette en yn wierheit hie it dêr ek nea greate striid noch sels
earnstichs for him west, men libbe dêr fensels sa, net ien fen de ljuwe
koe yen dêrre, de wissens det men dochs mar koart op in sté bleau,
makke alle ûnskildige avontûren libjend fen ynlikens en hertstocht.—Hja
namen dêr en wisten fen wearskanten det it nea mear wêze mocht as
boartlikheit fen jonkheit, det hja mankoar mar for in deimennich seagen
en den in ivich neat, en yn de joun deun bymankoar, minsken dy’t hjar
fêsthâldden oan inoar om’t de wrâld alwer twong ta skieding, stiek hwet
sa ûnearnstich like, ta blynjende fleagen op...

Hy kearde him oerside, det er mei syn antlit op ’e earmtakke kaem to
lizzen nei de groun en it gers, dat al hwet fochtich waerd fen
jountiidsdauwe; hy snokkere stil foar him út yn alwer djipper
trochtinken, det der skokken gyngen troch syn lichum, in skepping fen
jonkheits-krêft, nou oan forlittenheit oerjown. Hiel syn tiid fen
wrakseljen en oerwinning riisde heech foar him, dy wrokjend-iensume
tiid fen syn jongesjierren, det him it bloed sims as in koartse troch
de lidden jage en dochs syn sterkens net oerwoun, om’t er suver bliuwe
woe for de godlike libbensdei, hwaens opgong er forstie yn it hert; al
dy ûren libbe er troch fen nijs, hy seach him âlder- en frjeoneleas
waechsen fen jonge ta feint, bûten de rykdommen fen it libben forstaet,
mar mei yn him dy greatste machtige rykdom dy’t in greatske glâns yn de
eagen bringt ek dêr’t it liif klaeid giet yn fodden en de foet neaken
rint oer de púnwei, hy krige himsels lyk er do bistie, yn syn tinken
hertstochtlik ljeaf, skriemde dêroer as oer it forstjerren fen in
frjeon, dy’t him ienlik litten hie yn it tsjuster, doarst net mear
tinke om hwet der letter bard wier, dat nou alles him ûntsonken wier
dat ienris syn greatskens útmakke... Hy tocht om de oaren, dêr’t er
tomiddei sa’n goedlike minachting for hawn hie, oan de wearzige jonge
mei syn iere bidoarnens, en de brân fen de wanhope woede sa yn him, det
er himsels lyk tocht oan dy oaren allegearre. Mei in skoer joech er him
oerein wylst de triennen him yet oer it antlit rounen, seach de moanne
koel en fier glimkjen oer de widens fen it lân, seach ho’t de wylgen
mei de jounsigen foaroer bûgden nei de feart en mei in ûnderst twiichje
eltse kear it wetter wer effen oerstreake. „Ik wol net, ik wol net” sei
er heallûd en smoard yn himsels, de wirden dy’t him hiem wieren út syn
jongesstriid; hy wearzge fen himsels en mei’t it forheftichst fen syn
leed útwoede wier, kaem er to tinken det nou’t er syn ljeafde
forûnsuvere wist fen hwet him dêryn nea mear forlitte scoe, hy for syn
hiele libben earder ôfstân dwaen scoe fen ljeafde as sok tinken talitte
yn syn hert. Yet wol in ûre siet er dêr sa to stoareagjen, in
heal-ûnwittene hate yn syn hert tsjin de hiele wrâld en tsjin God, det
de heechste en godlikste dingen út dit libben net bilibbe wirde mochten
sûnderdet hjar suverens earne skeind waerd en bismodse.

Yn ’e foarnacht kaem er thús, dof en ôfstriden; Minke wier al lang nei
bêd gien en sliepte fredich. Hy bitocht lang hwet er de oare moarns
tsjin hjar sizze scoe, as der freegjen wier yn hjar eagen, mar wist det
er gjin ljeagen sizze mocht. Hy sliepte dy nachts tinzeleas en frjemd;
by it moarnsiten sei er hwet nedich wier: det er ûnderweis oan it
tinken rekke wier, en net by Anne’s west hie. Alde Minke tilde hjar
holle op en seach him effen siikjend oan, mar hy like wer rêstich,
seach stil foar him út yn it téljochtsje, en hja bitroude wer. „Miskien
komst der joun wol oan ta” sei se; do sloech se yn oar praet.




IV.


Anne: in moai bloeijend fanke mei oermoedige brune eagen en kriich yn
it wirk, dat de dei net fordreamde en de jouns sterk langje koe. Ien
fen de fiif út in arbeidershúshâlding, hie hja al ier meifortsjinje
moatten en wier hja mei gauwens as faem bidarre op in greate en
wirksume boerepleats dêr’t hja de kost for ’t iten hie en in skoan stik
jild fortsjinne. Hja wier ien bleaun mei hjar folk en hjar lân, libbe
mei yn al it wichtige barren op ’e boerkerij, wier bliid as it bislach
winters en de iere maitiids mei in stikmennich skoandere keallen
útwreide waerd en mocht, as ’t barnde yn ’e ûngetiid, jerne meiswylje
op it lân; middeis oan tafel iet hja hjar sêd en soun, en yn hjar
koarte nachten hie hja fen dichterlik noch oerstjûr gedream folle lêst.
En men moat sizze det hjar omkrite hjar trouwe oanhinklikens mei golle
rinte werombitelle, hwent hja wier in stik geef en feardich Frysk
libben meiwirden as hja mei it spantou swaeijend roun efter de kij ef
ûnder in âlde strieën hoed hjar bloeijend antlit deun tsjin it koubist
hold by ’t meltsen.

Sa seagen hjar de oare boaden dy’t jerne mei hjar malfarren en faek in
bizich útflapperich wird fen hjar weromkrigen, dêr’t hja net folle
tsjin bigounen, en sa fensels ek hjar boer en boerinne dy’t simstiden
mei in noflike knik tsjinmankoar seine det Anne hjar jild wol
fortsjinne en det men in bêsten oan hjar hie, greate selsumens yn ús
tiid det it folk sa bretael waerd en amper altiten fijannich foar yen
oer stie. Inkelden seagen hwet oars yn hjar: hjar kammeraetskes dêr’t
hja de Sneintomiddagen bûrren en strjitwei mei lâns kuijere, faek gâns
forfeeld en tsjinnich as der neat to gobjen wier, mar der djip yn hjar
hert fen oertsjûge det men Sneins hearde to kuijerjen, net allinne for
de feinten dy’t kâns hawwe moasten yen op yens bêst en pronkfolst to
sjen (sa miene hja yndied, en witte net heal ho moai ’t hja binne yn
hjar wenstich deistich bidriuw) mar ek as in seedlike plicht,
ûnôfskiedber oan de rêstdei forboun. Dizzen, dy’t faek mei in herte fol
fenyn earmke-yn-earmke mei hjar rounen, wisten klear ho’t de measte
frjeonlike nijsgjirrigens fen de sterke helte opkaem for Anne, sels
do’t it dochs it hiele doarp roun wier det hja forkearing hie; dêrom
bisleaten hja mei izeren logyk, det Anne sels oanlieding ta soks joech,
de mânljue lokke en oanhise mei hjar slúchslim sjen en hjar net skamme
ek oaren yn ’e mjitte to kommen, wylst hjasels forsein wier. Anne
forstie genôch fen it libben om soks to trochgrounjen, en hja hie
pleagerige riten det hja hiele middagen trune en noege oant hjar froede
frjeondinnen, al mar sedich glimkjend, bleek seagen fen oerginst, èn
skoften det hja stune, noartich tsjin eltsenien dy’t nêst hjar wier en
hjar mette, oant hjar selskip yn koarte neibiskôging bisleat, det
nimmen ea bigripe scoe hwet der dochs oan dy Anne wier. It frjemde
forskynsel bleau bistean det hja de oaren de moaiste jonge út it doarp
foar de noas weikaept hie, en det mennich jongkeardel hjar yet oanseach
mei eagen dy’t dúdlik seinen: „astou einlings ris genôch hast fen dy
iene, den bin ik earst oan bar.”

Mar hja makken gjin kâns; Anne hie mear yn hjar libben as hja wol
wisten. Dat sterke feardige bern dat fen jongs ôf oan skreppe moatten
hie en laitsjend en fêst mids yn it wirksume lân-libben stie, hie hjar
ûren hawn fen ûnbitwingber langjen det it hjar like eft alles weisonk
for hjar sjen en de triennen hjar yn hjar eagen kamen. Dit wirdt yn it
boere-libben as in ûngaedlike en amper as in syktme-tastân forstien, en
Anne wier bern fen it lân genôch om der net langer mei omkruse to
wollen as nédich is; ek wist hja de greate remeedzjes tsjin soks, dy’t
bistean yn in arbeidsum libben en stevich frijen op syn tiid. Beide
wier hja net ôfkearich fen en mei’t it libben hjar oanstien hie op it
iene, hie hja, heal dreaun en hiel út opset sin, ek it oare socht. Mar
hjar forkearings dûrren net lang, Anne seach hjar feinten selsume gau
yn it wêzen en sadré’t se hjar koe, foldie it hjar net mear en gyng
hjar langjen út nei hwet oars, dat hjar mear joech en hjar mear
meinaem. Hjar ûnfoldienens kaem it meast hjirfen det hja fielde ho’t de
measten fen hjar romrofte rige sljuchtmâl mei hjar wieren en det hja se
alhiel oer koe; en Anne, dy’t, ho se yn it wirk ek de mânljue stie,
frou bleaun wier mei hjar hiele hert, koe net ta rêst komme salang’t
der net ien yn hjar libben wier dy’t mear wier as hja, dy’t hjar bliid,
great en ynlik bliid meitsje koe en byneed sels leed dwaen, mar dêr’t
se yn alles by opsjen mochte, yn in heal ûnwis fielen for hjarsels, det
syn ljeafde hjar it ienichste greate wier op ’e wrâld en yn in klear
witten det se mei sa’n ien op ’e doarpsbûrren treftich foar ’t ljocht
komme koe.

Al skoften lang hiene hjar eagen oan Sjoerd hongen ear’t se him for it
earst neijer kaem. Hja hie for it earst in wirdmennich mei him praet op
in Sneintomiddei, do’t se mei greate foarnimmens om in moai ein to
fytsen, in ketierke fen hjar pleats ôf al in lekke bân krige en
fortretlik mei hjar fyts wer hûsta slepe moast. Hy hie de strjitwei in
ein út west, roun hjar efterop, en frege hjar hwet oer it ûngefal; hja
seach him fensiden en mei hwet argewaesje oan, to greatsk om sok
moetsjen net as in forleging to fielen, skruten det se wol hwet
spotskens yn syn eagen glimmen sjen scoe. Mar hy like hjar earnstich en
miende grif hwet er sei; en mei-ien seach se ho moai’t er wier, sels
dizze middei yn syn wol ienfâldige, mar dochs Sneinsk-lykjende
klean—sterk, tige sterk, en dochs sa blank fen hûd det syn wirk yn ’e
simmersinne him net oan to sjen wier. Hja praette wakkere wiis oer de
greate fragen fen it doarpslibben, seach kâns oer hjar meast gefaerlike
kammeraetskes in pear ûndogenske dingen to sizzen dêr’t mear hjar
goedmienendheit en mear-wêzen út bliek as hjar eangjende oerginst, en
dêr’t hy him mei formakke; oanmoedige, bigoun hja oer hjar foarnimmen
by it toanielselskip yn’t doarp to gean en praette dêrfen det se wol
ris earder hwet meispile hie en mirk mei gauwens, det hja dêr wol mei
foarútkaem. Hja stried der fûleindich for det hy hjar achtslaen scoe,
en birikte yndied det Sjoerd thúskaem mei it bitinken, det hja yet wol
de oannimlikste wier fen al dy fammen om him hinne.

Mar hja hie hjar foarderjen oerskat: Sjoerd kearde wer yn ta himsels en
sloech hjar mar amper mear acht as de oaren. Hja iepenbiere in
úthâldende slimmichheit om him dochs neiby to kommen, bisocht
Sneintomiddeis mei al hjar krêft him to moetsjen, bitocht boadskipkes
by âlde Minke sels—den foel it hjar ynienen wer yn det hja mei hjar sa
op to kringen hjarsels forriede koe en faeks earder syn hekel geande
makke, en hja skrille wer in fjirtjin dagen lang werom, en joech hjar
den wer skruten nei foaren. Hy fen syn kant, bleau twiivlich, en tocht
yn goede frjeonskip om hjar. Oant de winterjoun kaem fen hjar
meispyljen (hja hie mei folle úthâldende minlikheit in swiere
heltinne-rol witten to bimachtigjen, det it selskip amper oant yn syn
grounfesten skoerde) en hja, mei in selsum trochsettend bisiikjen hwet
apartichs oan hjar spyljen to jaen dat opfalle moast, al hie hja gjin
flau bigryp hwet dat likernôch ynhâlde moast, mear troch hjar wollen as
troch oanliz op hjar ginstichst forskynde, sà det in greate oerwinning
hjar stribjen bisleat: hy dounse dy joune mei hjar en brocht hjar thús.
De nacht, hjar blide libbenskrêft en it togearre-wêzen dienen it
fierdere, hja fielde hjar sa ticht by him as hie hja him jierren kend,
syn sêft oanreitsjen en stoarmich nimmen wier hjar in wûnder dat hjar
meinaem nei wûndere, nea-bidreamde fierten, en al dy dagen striele it
lok hjar oermoedige eagen út: foldwaning oer hjar wirk, greatskens om
hjar oerwinning, mar de triljende krêft fen hjar ûneinige ljeafde it
meast.

Yn it earst wist Anne net ho’n swiere wei se to bigean krige mei him,
al skeaten der mei gauwens sims forwûndering en argewaesje en in hiel
fiere eangst troch hjar hinne. It gaust bifoun hja ho’n forskeel der
wier, yn de omgong mei hjar, twisken him yn syn forheftich mar koart
jaen, èn dy oaren dy’t hjar mear yn hjar wêzen lieten mar den sa’n
hiele nacht ek op yen omhongen; hja pleage him dêroer ris mei in geklik
wird, mar forstie yn syn swijens en de bilitsen glâns fen syn eagen
hommels sok hwet frjemds, det hja hjar earnstich foarnaem hjir nea net
wer in wird fen to kikken—allinne hjar forwûndering hie it hjar ek
sizzen dien, hjar bistean wier dêryn lyk as sines. Mar der kaem mear
dat hja seach mei al de klearens fen hjar ûntrêstige froulikheit, syn
fier fen hjar wêzen as hja sims meimankoar rounen troch skimerjoun ef
nacht, as syn earm hinne laei om hjar skouder en hja dêr it libjen net
mear yn fielde, as hja forstie det er tocht om hwet oars en hja de moed
net hie him dêrnei to freegjen, syn swijen as hja mylde wirden oer hjar
omgong tsjin him sei en it meast syn eagen, dy’t glânzgje en flûnkerje
koenen as er him joech en den wer yn de fierte seagen mei in ûnfetlike
skimerglâns. Hja koe der net oan ûntkomme, hja moast by hjarsels sizze
det er yn syn herte in frjemden-ien wier en det hja him net bigriep, en
hja eange de tiid det hja forstean scoe det hja neat mear for him
bitsjutte, en gean moast, allinne, sûnder him...

Mar dit tinken die hjar sa’n flymjend leed det hja it dalik wer
ôfstegere. Der wier neat twisken hjar, hja koe him allinne mar net
bigripe, mar hja koe hjar bêst dwaen en foar alles wier wêze tsjin him.
Hja pleage him nou nea mear noch socht hja him to lokjen, mar kaem lyts
en dimmen nei him ta, mei de soargen en lytse ljochten fen hjar
deistich bistean, praette net mear nei him ta, mar sei de earmoede en
it twiveljen fen hjar egen libben. It wier swier for hjar, hwent hja
wier greatsk yn hjar hert, hja hie sterk stean wollen troch hjar egen
mear-wêzen, en it waerd in djip leed as se fornaem det se nou allinne
mar syn meilydsumens opwekke lyk elts dat koe, yn pleats fen syn
ljeafde, mar hja kaem lâns dy wei yet it fierste en moast sa wol
fierdergean. En Sjoerd dy’t mei goed mienen nei hjar harke en hjar
bisocht syn treast en myldens to jaen wylst alles yn hjar longere om
ljeafde, dy’t ûnder tsjinst hjar ienfâldige, net folle sizzende brieven
lies lyk hja forhellen fen de lytse dingen fen it libben dêrre en sims
in skrutene frage bifetten oer syn thúskommen en in hiel inkeld blinkje
fen hjar ljeafde-forhâlding, seach yn pleats fen syn dream en heechst
wollen mear en mear de egenheit fen it libben yn Fryslân yn hjar, en
binijde him aloanwer mear mei ho’n bytsje dat libben dêr takoe.

Anne stried dêr tsjin yn; for it each fen de wrâld bleau hja oermoedich
en simmersk, mar hjar sliepsté seach hjar simstiden gâns oars. Hja hie
ljeaver yn de grêft sprongen as det hja hwet fen hjar swierrichheit
útkomme liet. Do’t Sjoerd de jouns fen syn foarste wirkdei wer op ’e
terp, net by hjar west hie, skriemde hja hjar de nachts yn sliep, al
wier soks hjar net hielendal nij mear; de oare deis, op it stap, song
hja sa klear en strieljend by hjar wirk, det de boer syn fanke, det in
snoad bern wier, sei tsjin hjar mem: „Hwet moat ús Anne hjoed in min
sin hawwe! ’k Haw se yn gjin tiden sa oangean heard.”

Hja wier net forwend fen him, en socht efter syn weibliuwen neat
earnstichs, al hie hja der leed om. Yn hjar forkearing hie hja mei
gauwens sjoen ho’n forskeel der twisken hjar en him wier yn hjar
fielen: de ien dy’t oars gjin greats fen it libben tocht, hwaens tinzen
yn hjar lytse blydskippen en ûnkheden him optslach foar hjar hellen,
om’t de forfolling fen hjar libben rêstte yn him—hy, ljeavjend by
fleagen, sims oermoedich en wyld yn syn jaen, den wer skoften by hjar
sûnder folle myld bijeart, sims dagen det er mei syn tinzen by hwet
oars wêze moast. Earst hie hja dat as in pine flymjend field troch it
herte, letter learde hja dêryn to birêsten: hy wier sa great en heech
yn hjar eagen, hja wist hjar machtleazens alles yn him to forstean, en
sei tsjin hjarsels det ien as hja dy’t mar sa’n bytsje fen wrâld en
libben wist, ek net mear wêze koe for immen dy’t sa socht. Mar eltse
kear det hja syn fierens fielde, hie hja leed, al praette hja it goed
for hjarsels.

Hwent hja libbe nou mear as ea hjar lok tomjitte en hjar dagen wieren
sa bliid en waerm det twivel gjin fet op hjar krige. Hy wier weromkomd,
dat bitsjutte: hy moast wer tinke om syn takomst, de foarste trêd sette
op in effener en klearder libbenswei, de tiid wier dêr det er hjar
weihelje scoe út hjar tsjinst en hjar masteresse meitsje fen in egen
lytse went mei folle blide lytse soargen en gaedlike beuichheden;
allinne dy foroaring fen plak bitsjutte hjar al folle: hja skikte hjar
yn hjar tsjinst laitsjend nei folle ûngaedlike dingen, mar it langst
nei in egen bistean siet hjar heech. En hja seach mear, hja wist det
hja eltse dei dêr nêst him wêze scoe. Hja scoe miskien hwet minder faek
laitsje as nou, hwent hja forstie, in maklik libben waerd it net, en
dochs sloech hjar hert rêdder as hja dêrom tocht: ûnwittend fielde hja
de stille hilligens, dy’t der is yn it oerjown tsjinjen fen ien hwaens
bistean yen it djûrste is fen al it ierdske. Faeks learde hja mei de
tiid ek better him yn alles to forstean, en al wier de waermens ek dêr
net altiten om hjar hinne, de kearen det er him alhiel jaen scoe
moasten sok in huverjende wûnderens ynhawwe det sels hja, oars net
licht bidêst, de holle niigde as it ealgjen dêrfen yn hjar wekker
waerd.

Dy hiele deis hiene hjar tinzen dwaende west mei syn weibliuwen; en hja
hie earnstich foar hjar nommen him al effen merke to litten det it hjar
min sinnige, al wist hja fen eardere kearen op hokfor earmtlike
fortuten hjar lang oertochte skrutene forwitings ornaris útrounen. Mar
fierwei hjar greatste soarch wier dochs eft er tojoune wol komme scoe;
natûrbern yn hjar hert, seach hja it blije sintsjende waer as in goed
foarteiken, en om hjar prakkesaesjes to forsetten, kletste se de bossen
mei dûbelde feart yn de grêft, det it koele wetter hjar antlit bispatte
en hjar hier as fen peareltsjes dauwe by ’t moarntiid glânzgjen die. Yn
de greide foar hjar diene in mennich glimmende keallen brike sprongen,
it fûgelgûd tsjottere yn de hege beammen fen de mantel en wier yn ’t
spier op it effen blaupanne-dak; in pear moaije swartbûnte katten
sieten mei opmerksume earnst by de hage nei hjar skreppen to sjen, sims
allinne hwet steurd by de mear dramatyske einen fen hjar sang, hwaens
miening it wier hiel de wrâld en hjarsels to mislieden oer de tastân
fen hjar hert; mar ho fierder de dei gyng ho mear hjar tinken rjuchte
waerd op dat iene, de kâns fen syn kommen dizze joun; in pear kear
forstie hja de frou heal forkeard, det dy mei bysûndere klearens en
stadige klam yn hjar lûd, hjar weardige oanwizings forfette. Ek bikibbe
hja hjarsels gâns om hjar ôfhinklikens foar Sjoerd oer, en in pear kear
kaem hja sa fier hinne det hja hjar binijde hokfor bysûnders der oan
him wêze scoe dêr’t hja gjin diel oan hie; en hja bisleat, hjar tonei
nea wer de mindere to fielen.

De jouns, nei in beuzige dei yet effen dwaende mei stopwirk, seach hja
him fensels fier foar de oaren oankommen, mar tagelyk niigde hja mear
oer de hoas en de nidle foaroer, en hja like in bytsje forheard do’t de
boer syn fanke, it spjuchtige finnige ding mei poddegiel hier, mei
great ophef oer de milkeamer forkindige, det Anne hjar lang-forwachte
kommende wier. Hja gyng oerein mei in pear binnenmûlske lûden, dy’t
mismoedigens oer dizze ôfbrek fen hjar wirk mienden, en hearde de
lûdroftige forwûndering fen de jongfaem det Anne mear hâldde fen hjar
sok as hjar feint, mei stille birêsting oan; do frege hja de frou eft
hja in skoftke mist wirde koe: hja hie hwet mei Sjoerd to bipraten. Der
waerd hjar in ûre tastien; do gyng hja en roun Sjoerd tomjitte,
nijsgjirrich fen de eagen yn de milkeamer folge.

Yn de blekens fen it jounljocht seach hja it leed op syn antlit dalik.
Hy hie in dei fen birêsting efter him, fen neat as neilibjen hwet him
jister sa meinomd hie; stilder en klearder wier syn fielen nou wirden,
it witten fen syn skild en fen it forkearde yn syn ljeafde, fen syn
treastleas foarlân en syn forplichtings foar Anne oer, mar it pinige
him nammensto djipper. Hy hie mar ien ding bislute kinnen, det it
nedich wie’ wier tsjin Anne to wêzen, yn alles, det in wrang leed hjar
èn him better wêze scoe as it foartdûrjen fen in dream dêr’t er de
ûnwierheit fen trochskôge hie. Oer hwet dêrfen komme koe joech er him
gjin rekkenskip; hy forstie det it altiten drôvenisse wêze moast en
wier der dof ûnforskillich ûnder. De readigens fen syn tsjeaken, yet
net brúnbarnd fen de sinne, wier gien as it jounljocht en ûnder syn
eagen dy’t fochtich liken leine tichte ringen. Anne seach kjel ho’t hy,
de bloeijende libbenskrêftige jonge, nou sels hwet op Minke like en hja
eange det er net goed wier. Fen hjar feardige bisluten wier neat mear
bleaun, hjar herte bigoun rêdder to slaen út noed for him; sûnder it to
wollen laei yn hjar foarste wirden de ûnrêst fen hjar sterk rizende
ljeafde.

„Hwet bist bleek jonge,” sei se. „Skeelt der hwet?”

„’k Haw in pear biroerde dagen hawn,” sei er. „’t Is allegearre wer
mis. ’k Bin der jisterjoun om weibleaun, nou woe ik dat net. Al stiet
it sin my net bliid.”

„As ’t oars net is as in min sin, dat kin better. Unwennich?
swierrichheit mei dyn wirk? Scilst earst wol omstean leare moatte,
heite! ’t Is hjir mei omstippen net to krijen.”

Hja miende it goed, mar hy, út himsels al hwet yn oerstjûr, hearde
forwyt yn hjar wirden.

„Deabodzjen is net folle oan,” sei er hwet koart, „mar dou witst oars
wol det it myn moade net is om to stippen.” En do’t hja stil bleau, yn
’t ûnwisse eft se sizze scoe det se it sa net miend hie: „De hiele
ilinde kaem út mysels, sa as altiten. Ik woe detst in ein mei my de
strjitwei út rounst. Ik ha dy hwet to sizzen.”

„Dat is bêst,” sei se dimmen, „ik kin in ûre weibliuwe. Dat scil wol
genôch wêze.”

It heakke wer mei syn forstean, mar hy wier nou sa wiis syn opkommende
argewaesje for himsels to hâlden; hy bigriep det dy ûngaedlike
fielsumens mear laei yn syn egen ûnfoldienheit en ûnwissens, as opwekke
waerd troch hwet hja sei. Effen seach er hjar fensiden oan, en
forwûndere him ho earnstich hja nou like, sa fol sterk bisiikjen him yn
syn hiele wêzen to forstean, en det er hjar dochs sa fier fen him ôf
fielde. Swijend rounen hja in ein fierder, hja rêstich foar it each mar
mei in sterke slach yn it hert, hy mei de eagen foardel, mei hwet
ûnforskillichs nou om syn mûle, mar de hannen yn syn bûsen gear ta
fûsten. De hiele dei hied er neitocht oer ho’t er tsjin hjar bigjinne
scoe, mar hy wist it yet net, en tocht hast eft it net better wier mar
oer hwet ûnforskillichs yn to setten, en den stadich it praet to
forlizzen nei dêr’t it komme moast. Hy foun it lef, en wiisde it dalik
wer fen him.

Hja kamen oan in hikke dy’t in ein út ’e bjirm weisprong en dêr’t oan
wearskanten it ûnderwâlsgûd ticht oan taroun; greate skermige
kikkertsblommen woechsen yn de dyksleatsjes, dêrefter laei in stik
greide, glânzgjend fen ripe grienens, tsjin ’t meanen oan. Hy gyng op
’e hikke sitten, it antlit nei it west ta; hja kaem dimmen nêst him
stean. Hja hiene der folle sa stien en de hiemens fen it sté en de
frede fen de joun brochten hjar tichter ta mankoar; beide fielden hja
hjar stilder en sterker wirden. Do’t Anne yet in skoftke wachte hie en
hy swijen bleau, seach se him oan; syn eagen wieren nei de joun ta,
smertlik en ljocht as fen ûneinige sêftens. Hy fielde det hja nei him
seach en sloech syn eagen yn hjarres, djip-stil, mar stadich bigoun der
in swiere gloede yn to skinen dy’t hja mar amper forneare koe.

„Hwet hast dochs” sei se lústerjend. „Dou makkest my hast bang. Ik wier
sa bliid det ik dy seach, en nou wit ik net hwet ik oan dy haw.”

Hy bleau hjar oansjen, yet djipper. „Witst dat oars den wol?” sei er
do.

„Ik wol net detst sa nei my sjuchst, dat forstean ik net” sei se sa’t
it yn hjar opkaem; hja seach det syn mûle effen forloek, do kearde er
syn eagen fen hjar ôf. „Né, net altiten, dat is sa. Mar ik bitrou dy
wol. En dou witst wol detste det mei my ek kinst, en dy frij tsjin my
útprate, as der hwet is dat dy net sinniget.”

„Dou hiest my net sa bitrouwe moatten” sei er rimpen. „’k Woe sizze,
dou hast altyd mar tocht det ik tsjin dy wier as dou tsjin my. En dat
wier net sa. Do’t ik foart wier, do...” It kroppe him, hy koe de wirden
net út ’e mûle krije. Noch in kear bisocht er; do gyng him in skok
troch de lea, hy bigoun to skriemen, de lippen stiif opmankoar, noch
presjend om him to bitwingen. Do gyng er fen ’e hikke ôf en mei de rêch
nei de strjitwei ta stean, it antlit nei it West. Sa nei gyng hjar dat
stille wanhopich gebeart det hja der in liiflike pine fen fielde yn
hjar hert. Hja longere dêrnei him to treastgjen en doarst dochs hjar
earm net om syn skouder lizze; as forlamme stie hja in skoft njunken
him, hja bigriep det der hwet ilindichs wêze moast.

„’k Bin lef” sei er op ’t lêst. „’t Hie better west det ik do safolle
neitocht hie, yn pleats fen my hjir sa oan to stellen om hwet dochs net
mear to foroarjen is. Ik bin dyn bitrouwen net wirch. Ik wist detstou
hjir op my wachtest en ik bin dy net trou bleaun. Ik ha omgong mei
oaren hawn, dêrre.”

Hy tocht det hja útfalle scoe, hjar kjellens uterje, syn namme neame,
mar hja swei. Yn syn lêste wirden hie hja oankommen field hwet er sizze
woe, hja koe net mear tinke en do’t er sei hwet hja eange, hearde hja
forbjustere ta.

En yn hjar hert wier hja bang, djip en ilindich bang. Hja hie him
giselje wollen mei forwitings det er it net mear forneare koe en
triljend ta hjar komme, det hja him forjaen mocht, mar ynpleats fen
him, huvere hja, twong hja elts wird werom dat skieding twisken hjar
bringe koe. Hja fielde en seach hjar ljeafde ûndergean, hja hie in wé
en koartsich fielen as wier hja liiflik skeind, en tagelyk focht se
riedeleas om alteast it earmtlik oerskot yet to biwarjen dat hjar
bleaun wier; hja fielde, heal dûselich fen angst, det hja him net gean
litte scoe, det se gjin krêft hawwe scoe him fen hjar wei to driuwen
sels al scoe se him nou yette, hjar hiele libben, mei oaren diele
moatte. Bistoarn om hjar holle en hjar hân sa taklamme om de boppekant
fen de hikke det it bânizer hjar yn de hûd snie, stie hja ûnforweechlik
nêst him, net wittend hwet se sizze moast, stridend om in wird.
Wachtsjend, kearde er him in heale slach om om hjar oan to sjen; yn
hjar bitiisdens tocht se det er al by hjar weigyng. De hannen gear, de
eagen glânzgjend fen eangst sei se hwet se net mear kropje koe:

„Gean net by my wei Sjoerd, bliuw by my, ik kin net allinne...”

Forheard seach er hjar oan, hy forstie hjar net, fette net ho’t se him
bea to bliuwen, ynpleats fen him hird en fûl to sizzen det er gean koe.
It joech him hwet fen syn krêft werom, mar forlytse syn tinken oer
hjar, nou’t er seach ho helpeleas en neatich hja wier bûten him. Hy
fielde de hún fen wylst er himsels forflokt hie om syn leffens en
wantrou, dochs yn syn sonkenheit foar hjar oer yet as master to stean;
der kaem hwet wreeds en kâlds yn syn eagen do’t er fielde det er, wier
syn wil sa, hy ek dizze nei him nimme koe lyk as de oaren. Yn him
wraksele syn meilijen mei dat fielen, mar syn witten fen earder, yn
ûnweardige skild njunken hjar to stean, wier him amper alhiel
ûntdreaun.

„Ho kinst my dat nou freegje” sei er do dof. „Ik kom hjir om dy to
sizzen det ik tsjin dy misdien hie en ik tocht detst my stiennigje
scoest. Bitsjut dat den mar sa’n bytsje for dy?”

„Dat is pinigjen” forwiet se. „Hwa’t it my sein hie, hie ’k formoardzje
kinnen. Ik kin my wol oanstelle, mar ik kin dochs net bûten dy. Hiest
it my mar net sein, hwet hiest my in lêst bisparre!”

„En den sa mar fierder mei dy omgean? Scoeste sa libje wolle? Mei my it
libben yngean en net ienris it measte fen my witte? Hie ik dy den
foarlige moatten?”

„Ik bigryp dy ommers oars ek al sa faek net,” klage se. „Ik woe dy
allinne mar nêst my ha, al it oare koe my neat skele, as ik dy sims mar
hie...”

Hy waerd kâld fen de ôfstân dy’t er twisken hjarren yn fielde; syn
tinken wier wreed wirden, hy fielde heal en heal det hja allinne mar
bern fen him wollen hie, det hjar ljeafde yn de groun syn djipste wêzen
net ienris gau; oars hie hja nea sa forslein en swak wêze kinnen. Hy
koe neat mear sizze en fielde det, as er wier bliuwe scoe, elts wird
hjar wounje moast. Ynienen sloech hja hjar eagen op en seach bang en
mei it great langst fen hjar ljeafde yn sines.

„Siz my,” sei se lústerjend, „dy oaren ... hawwe dy mear hawn as ik?”

Syn troch alles hinne geande wierheitsdriuw scoe him nea talitten hawwe
in ljeagen to sizzen; nou, mei hjar eangstich sjen yn syn eagen, wier
dat him folslein ûndwaenlik, al bounze syn hert. Sûnder derby to
tinken, as om hjar to stypjen, sloech er syn earm om hjar skouder
hinne.

„Ja” sei er, huverjend by syn egen lûd.

Hja fette syn hân en lei hjar holle tsjin syn boarst; tagelyk bigoun
hja stil to skriemen. Gjin forwyt, gjin klachte sels, oars net as it
sêft skokken fen hjar lichum, tsjin sines lynjend, en it rinnen fen
hjar triennen; de eagen ticht, fielde hja it leed om hjar sweevjend en
yn hjar wenjend, en hja stie der warleas foar oer. Dat stille skoft,
wylst hja de dea oankommen fielden oer hjar ljeafde yn forstiivjende
needsaek, beide hjar bûgend for syn swijsum keningskip, beide mei it
mylde djippe fielen yn in lêste rizing libjend yn hjar hert wylst de
joun oer hjar gearloek en it beamte nêst hjar rissele fen de
oansuchtsjende nachtsigen, wieren hja yn in djip en ljeafde-ryk
bigripen sà ien as yette nea yn hjar hiele forkearing.

En sa stil en klear nêst him, mei yn hjar herte it ealgjen fen it ein,
woun hja út de ienheit fen dit lêste forstean hwet fen hjar krêft
werom. Linkenoan bidarre hjar skriemen en koe hja wer tinke, oan hwet
hja nou yet witte moast, oan it lân dat nou foar hjar laei, oan de
needsaek der sterk tsjin yn to gean en de holle rjucht to dragen; sterk
omklammen syn fingers hjar hân, en wylst hja him sa ticht njunken hjar
fielde, kaem der stadich moed yn hjar ta it heechste. Yet effen tocht
hja nei eft hja hjar net forsinde, eft der net in útwei bistie dy’t de
greate frage oerstallich makke, mar hja forstie det it net oars koe en
woe net mear lef wêze. Hja tilde hjar holle omheech oant hjar mûle sa
tichte by sines wier det syn amme oer hjar lippen gyng; do sei hja
stil, freegjend as wachte hja syn andert sûnder eangst:

„Hâldst den net mear fen my?”

„Net sa as dou fen my” sei er, syn holle hwet ôfkearend. „Ik hâld fen
dy as in frjeon. Dat hat it ek dien det ik dy dêr sa forjitte koe. Mar
net om mei dy troch it libben to gean.”

Sa great hie hjar leed west det it andert hjar myld taharke en in glim
fen blidens yn hjar wekke. It witten det dit skieden kaem fen syn wêzen
en bistean, net om’t in oare frou him oan hjar ûntstellen hie, brocht
koelens oer it brânnen fen hjar striid. Yet frege hja:

„Is der in oar dêrste dat wol mei wolst?”

„Né” sei er, „nimmen. En moatst net ienris miene det ik ûnder tsjinst
fen dy oaren oars hâlden ha. Hie ik dêr fêst mei forkeare moatten, net
ien hie my mei krige. Mar ik wier sims sa iensum, ik longere sa nei
waermens, en dat hie ik den, in pear skoftkes.”

„Scoe ik nea mear for dy wêze kinne, Sjoerd?”

„Ik tink it net,” sei er stil. „It is sa frjemd, sa frjemd allegear, ik
bin sims bang fen mysels, ik wit net hwet it is. Sims tink ik wol det
ik my oanstel, in jonge as ik moast fen soks net witte, ik kin dochs
neat. Miskien komt it om’t beppe altyd sa djip op ’e dingen yngiet, en
my dat ek leard hat, al woe se _dit_ net. Ik leau sims det nimmen my
bigrypt. Den wird ik hird en kâld, en den siz ik wer by mysels, hwet
wolst dochs? Dou bigrypst dysels ommers net ienris. En den is it hiele
libben sa frjemd, en ûnbigryplik, en den woe ik—det ik dea wier.”

De wirden dy’t syn iensumheit seine makken dalik wer in greate skieding
twisken hjar. Hja hie him yette nea sa heard, en altiten tocht det as
hja him sims net forstie, dat oan egenaerdichheden fen syn wêzen laei;
nou wier it as praette der ien dy’t hja nea kend hie, en al seine de
wirden hjar net folle, it fielen dy’t hja uteren wier hja sa folslein
frjemd det se, al stie se yet jimmer njunken him, hjar hân losmakke fen
sines en ynienen de krêft hie de bislutende wirden to sizzen, dy’t hja
dochs ûnôfwiisber wist.

„’k Hie ’t earder witte moatten” sei se sûnder op syn lêste wirden yn
to gean. „Moatst net tinke det ik lilk op dy bin, Sjoerd. Wy hiene
mankoar better bigripe moatten. Nou witst wol det it net fierder mei ús
kin. Wy kinne net meimankoar forkearen bliuwe as wy dochs witte det der
fen dat oare nea hwet komme kin, om de minsken net. Den moatte wy elts
syn eigen wei mar wer gean.”

It wier britsen, hy fielde it, hja liet him gean. En hy bisocht hjar
oan to sjen ho’t hja, nei alles, dêr yet sa maklik oer gear kaem; yn
himsels flime it fen leed, meast om syn iensumheit dy’t er nou tomjitte
gyng, dêr’t er hjar net ienris mear as kammeraet yn nêst him hawwe
scoe. Hy mirk det hja it mijde him oan to sjen. Do sei er ûnbitocht,
hird:

„It liket dy moai maklik ôf to gean. Rouwich hoechst der net om to
wêzen.”

„God” sei hja swier, „detst sa prate kinst. Tochste det ik...” Wer
seach hja omheech nei him, djip yn syn eagen, en tagelyk skrille hja
fen de twang dy’t hja dêryn fielde en de wirden bistoaren op hjar
lippen. Hja wist hjar machtleas. Hjar hert sloech eft it brekke scoe,
en do’t hja wer spriek, lústeren hjar wirden.

„Lit my gean,” sei se, „sa kin it net mear. Ik haw altyd yn dy leaud,
Sjoerd, lit my dat tominsten. Meitsje my net ûngelokkich.”

Do forstie er hwet hja eange, en hwet drige hie.

„Nou sjuchst ho’n ilindeling ik bin,” sei er, „safier is ’t nou mei my
hinne. Forachtsje my net tofolle, ik kin net helpe det ik bin sa’t ik
bin. Forjow my hwet ik dy oandien ha.”

Hja seach flechtich om hjar hinne; do, for it lêst, sloech hja de earms
om syn hals, en patte him, effen. Do joech se him noch de hân. „Nacht
jonge,” sei se, „wird gau better.”

En hja gyng, allinnich, stil de strjitwei bylâns yn de bjirms, as wier
hja bang sels it lûd fen hjar stappen to hearren, as kaem hja fen in
deade; hird roun hja fierder, de eagen stoar nei de pleats, dêr’t de
dei hjar wer meinimme scoe yn de feiligens fen syn freedsume rin. By de
hikke stie Sjoerd, iensum. Mei sterke stjitten stoarme it wé op yn syn
hert, mar de krêft om út to boarsten lyk as de jouns tofoaren, hied er
net mear. Yn it wetter fen de sleat njunken him, dêr’t er yn delseach,
seach er de jounstjer twinkeljen; do sloech er syn eagen nei de
westerkym, dêr’t nou in teare yn fluzich goud torinnende oranje-gloede
yet neiblonk fen de dei. Stadich, ûnwittend, tilde er syn earms ta nei
dy krite, de holle hwet efteroer, in lêste teare wearskyn oer syn bleek
antlit en yn syn smeekjende eagen. Do huvere er; en, as woe er himsels
pinigje en kastije, skoerde er syn bûsgroentsje en syn himd los, det de
nachtwyn siichde oer syn gleon, triljend boarst.




V.


Dat jier kaem de skierens fen de hjerst ier oer it âlde reapannige
doarp om de stompe toer hinne. Nei in smoarende simmer-hjittens en in
mear bisonken mar yet waerme Septimber-moanne foel de grize rein fen de
iere hjerstmoannen dagen eftermankoar; de wyn skoerde wreed oan it
forlijende simmergrien en mei gauwens laei der in weake brunige fracht
ûnder de al iepener hagen. Wier it droech, den bleau it yette dizich,
drôver yet as hwennear it tikjen ef kletterjen fen de rein klear op
stiennen ef tsjin finsters wearkeatste; it wetter yn de sleatten sette
op, de greppels yn ’e greide koenen it net mear hâlde, en hiele ikkers
kamen blank to stean. Forlitten en forstoarn laei it doarp nou dêr oan
de strjitwei, dêr’t allinne de merke-dagen yet hwet droktme wier; as in
âld swijend geheim stie, it hiele doarp mear en mear bihearskjend nou’t
de beammen keal rekken fen leaf, de swiere fjouwerkante toer, symboal
dat de jierwiksel birêstend trotseare.

Ek efter de ferverswinkel oer de blikke twisken de huzen en de sleat,
kaem de wyn yn it wyld bilibjen fen syn nocht, ûntskoerde er mei
oanhâldend nytgjen de iperenbeammen hjar pronk, eltse dei wer in nij
stik weistrûpend, oant de twigen yn de koarte skimerjoun tsjin de
skiere loft earmoedich en neaken teikenen, hjir en dêr yet in inkeld
forbrune blêd, forlitten yn de wide skiere romte en huverich as
forreinde fûgels. Troch de steige foel it tsjuster yet grizer, en
jouns, as de wyn siet efter in tropke blêdden dat to stjerren laei yn
in herntsje, en se grimich de steige yn bloes, det se mei ûnwisse
rimpene kjellens fen de iene mûrre oanfleagen tsjin de oare, wier it
dêr spoekich as in trochwei for rêstleaze skimen. Hwet fierder klokten
de goaten fen it fervershûs yn in reinwettersbak, in kletterjend
delstreamen ef in iensum gedripk dat âlde Minke nachts hearre koe, as
de sliep hjar net byneikaem en de wyn in skoftke bilune.

As in skrousk katsje, dat derfen hâldt yn de smûke húskeamer foar it
finster yn earnstige dreamerij út to sjen nei de glimmende strjitten
dêrbûten, sa seach Minke efter hjar rútsjes wei de ûndergong oan fen it
simmerfeest, wend oan dat hast wirktúchlik weromkommende barren dat
hjar gjin leed mear bitsjutte, mar hjar stil meinaem nei de lange
winterjounen, as de wyn it fjûr yn de kachel oanblieze scoe en hja mei
Sjoerd sitte yn de fredige earnst fen it lampeljocht. Linkendewei
wieren hjerst en winter, de yn hjarsels forsonken tiid, hjar hiemer
wirden as it foarse nei bûten driuwen fen grien en blommen fen de
Maitiid en it greate gestriel fen de simmer: it hearde by hjar thús, ek
al krimmenearre se, lyk eltsenien, oer de koarte dagen det men sa’n
bytsje út ’e wei sette koe. It tinken fen eltse hjerst det hja de
simmer wol gean seach en net wist eft hja de nije werberte mei bilibje
scoe, oppenearre him ek nou, en sims sochten hjar eagen den de
beamskrunen lâns eft hja dêr yet hwet griens fen de simmer weromfoun,
mar it wier hjar gjin leed: hja hie langernôch libbe om to witten det
de Maitiid weromkomme scoe, eft hja yet yn wêzen wier ef net.

Hja gyng yet stilder om sûnt Anne dêr de rin net mear hie en forsinde
hjar sims yn hjar wirden, fier, hiel fier mei hjar tinzen yn kriten
dy’t hjasels net wist mar dêr’t it goed wier to wêzen. It tinken, dy
simmers, det hja Sjoerd yet lokkich sjen scoe for it libben, det hja
hjar waermje mocht yn dy glâns, hie mear ljocht yn hjar eagen brocht as
it libben hjarsels litten hie; nou’t de waerme gloede fen dy tichtbye
takomst fordwoun wier, naem ek hjar libbenswil ôf, al wier hja ryk mei
Sjoerd syn bywêzen. Hja forstie nou ek det it djipste fen syn bistean
hjar fier bleau, det hja him net trochgroune, en bisleat yn hjarsels
det de minsken gâns foroare wieren by do’t hja jong wier, al wieren der
fleagen, as hjar jonkheit yetteris klear foar hjar eagen forriisde, det
hja alles wol seach en wist; mar hjar bitrouwen yn him wier fêst, en
sims wier der hwet ljochtens yn hjar det er nou, wylst hja sa âld, sa
hiel âld bigoun to wirden, for hjar allinne wier. Hjar geast, oan de
ein fen in swiere libbenswei dy’t hjar sims in snijende striid bitsjut
hie, kearde, al ôfwêziger fen ierdske bifinings, him it oertinken ta
fen hjar egen bistean, en wylst hja earder eltse foroaring op hjar
bernsbern syn antlit mei soarch en ynlikens seach, kaem hjar sjen nou
yn it ynwindige libben en moast hja forhelje, al mar wer forhelje, fen
hwet út ’e grounleaze hoalen fen it forline yet riisde, frjemde selsume
bylden dy’t hja lang forstoarn tocht hie en nou as yn in frjemd bistean
hjar eagen foarbygean seach.

En Sjoerd harke. Skimerjouns, as er frij wier fen wirk en Minke hjar
âlde oantinkens by readige wearglâns fen it kachelfjûr stadich nei him
ta klonken wylst de wyn bûten en troch de skoarstien rûze, siet er by
hjar, sims oan de oare kant fen de tafel; sims ek, as er brânje dien
hie yn de kachel, bleau er op ’e groun sitten nei de reade skreven to
sjen en wylst Minke, hwet foaroer yn hjar âld reiden stoel, hjar
meagere hân lei op syn hier, harke er ta, ôfwêzich sims, den mei spande
opmerksumens elts wird yn him opnimmend, det er mear leare scoe fen
himsels to forstean. Ho mear er hearde, ho wylder de twivel riisde yn
syn hert, ho drôver er waerd, en dochs woe er jimmer mear witte. It âld
minske koe net ealgje det hwet for hjar in myld tobinnen bringen wier,
forlûkings fen eangst om syn mûle brocht: yn de foarskiednis fen syn
bistean, Minke hjar swier mêdzjend skreppen en it minne libben fen syn
âlden foun er de forklearring fen hwet er yn himsels net bigriep, syn
oars wêzen as de minsken om him hinne, dat net oars as sikens wêze koe.
Sims, yn it wirk, ferge er him op ûnforantwirdlike ynspannings om it
biwiis to hawwen det syn lichumskrêft alteast net oantaest wier en hy
libbe wer op as er mirk, det sels nou yet nimmen him dêryn bilykje koe.

Wylst syn antlit bleker waerd en de iensumheit fâlden loek om syn mûle,
waerden syn spieren as fen izer en kaem der in stielen glâns yn syn
eagen; nimmen hast koe dêr lang mear yn sjen. De ljuwe fen it doarp
hienen argewaesje om him lyk as de trochhinne-wrâld oanstjit nimt oan
elts dy’t der útrint, en men bigoun wer to kletsen oer syn âlden, det
er syn komôf wol net forljeagenje scoe. Sûnderdet it him oanbrocht
waerd, fielde er det men oars oer him bigoun to tinken en it makke syn
ôfkearigens fen de doarpsminsken yet greater; sims, as er him by it
skearen yn de spegel seach, binijde it himsels ho hird en kâld dy eagen
him oanseagen, yn in driigjende ûntsjutbere earnst en hy tocht om syn
tsjinsttiid om fierens, as er mei ien fen syn fammen foar it rút fen in
greate winkel hjar beide dêr yn dy spegeling stean seach: hy altiten
strieljend, simmersk, himsels de measte wittend. Allinne syn lûd bleau
sêft en waerd hast yet fierder, det de minsken, as er in inkeld wird
sei om hjar biskie to dwaen de holle effen optilden en him fen siden
oanseagen.

Hy hie wirk as los arbeider; hy wist det er oars mear fortsjinje koe,
mar woe it net. Ljeafst swalke er ûren de fjilden yn, dizze hjerstmis
op dizige dagen det er roundoarme yn in egen lytse wrâld, mei gjin
minske mear nêst him. Sims tocht er, sa swalkjend, ho moai it wêze scoe
dêr ivich to wenjen, fier fen it doarp en syn lytse en kletserige
minsken, mei neat om him hinne as it greate rûzjen fen de wyn en it
skom fen de weagen twisken de fortoarjende reiden; as er den wer yn it
lytse húske by Minke kaem dy’t him glimkjend forwiet det er de kjeld en
de wyn meibrocht, kroppe der hwet yn syn kiel, en hied er in fielen
det, as er syn boarst fiks útsette, dy hiele earmtlike mûrren om him
hinne tobarste scoene; mar om it âld minske makke er him den wer lyts,
skikte him dimmen oan in sit by de tafel en die biskie op hwet hja him
frege. De dei kaem det er der net mear oer gear komme koe mei de iere
joun nei it doarp werom to gean, mar oernachte yn in âlde forlitten
mounle dêr’t de wyn fûl troch hinne loek, dêr’t er syn bûsdoek oer it
antlit spriede moast om’t oars de spinnen der sa oer hinne rounen; sims
effen huverjend fen de kjeld hied er geniet yn it greate rûzjen en
gûlen deromta, oan it ienlûdige kletterjen fen in pear losse einen oan
de roeden en in frjemde, wylde wille waerd der yn him wekker. Earst
do’t er de oare moarns thús kaem en it ynbleke bitrienne antlit fen
âlde Minke seach dy’t tsjin nimmen kikke doaren hie fen hjar eangst,
forwiet er him syn lossinnichheit en naem er him foar nea wer soks to
dwaen; hy hâldde him dêroan, al wier it him amper ûndildber, as er
nachts, wekker op bêd, de greate lûden hearde fen wolkens en wyn dy’t
er nou syn iennichste frjeonen wist.

Hwent hy sliepte net folle mear. Deis faek dûzich en út ’e sleur wei
syn wirk dwaend mei ynkearde eagen en deun mei it wird, fier fen elts
dêr’t er net út needsaek mei to meitsjen hie, koe er jouns de rêst net
mear krije. Skraech hie er him deljown, de eagen ta en wachtsjend hwet
komme scoe (hwent sa klear wier den syn tinken det sliep him ûnwierheit
like), den kamen de tinzen en bylden dêr’t er bang for wier, ûnneamber
ilindiger as dreamen dy’t de siele willeas ûndergiet; dizze wjukken om
him ta, rimpen en sleau, streakjend en wytgjend en hechten hjar fêst
oan de bedsplanke, oan syn tekkens, oan syn hannen, oan’t er it net
mear hâlde koe de eagen ticht to hâlden, se iepene en hjar weitwirjen
seach mei de strielen fen de moanne dy’t troch it soudersfinster
siichde. Den bigoun it freeslike; ûren moast er sa willeas en warleas
lizze, as er de eagen ta die, foart wer pleage fen de lilkaerdige
wriggen dêr’t er fen wist hwer’t hja him ta bringe woene, as er syn
sjen kearde nei de moanne en de nachtloft, fredich, mar krêfteleas de
sliep to krijen oant er, mêd, de eagen sleat en him weiglide liet nei
it ûnformijlike. Op ’t lêst bigoun er it sté to forflokken dêr’t er him
wis wist fen sok leed; hwent, frjemd to sizzen, as er mei himsels
allinne wier yn de grizens, as syn wêzen ûnder de twang wei wier fen de
binearjende byntsjes en dakpannen om him hinne, libbe er wer op yn syn
jongkrêftige sounens en syn hert, frij fen hokfor omtinken om minsken,
swalke mei de wylde gies troch it swirk en mei it jachtsjen fen de
jounwolkens. Bitwongen en lyts twisken mûrren, dêr’t er in dildleas
leed ûndergyng om hwet er syn plicht wist, stie er fjouwerkant en sterk
mids de wynfleagen en de reinsnjitten op ’e romte, dêr’t syn bloed
gestje en brûzje mocht en syn lichum to fjuchtsjen hie tsjin de biten
fen wyn en froast. Howol’t er net stroopte en de woastens fen natûr
socht om hjar greatens allinne, roun er dizz’ tiid, fier efter yn it
lân, altiten mei in revolver, as wist er him kening fen dy iensumheit
en koene der, mei it delkommen fen de joun, oerginstige wêzens komme
dy’t him weibalje woenen út syn rjuchtlik biwâld.

Yn de ûnwitten djipten fen syn geast skromfelen de lêste bigripen fen
de lytse wrâld dêr’t er deis yn forkearde, hird wei, en in wûnderlik
frjemd libben bloeide der omhegen dêr’t er himsels yn foarbygeande
fleagen yet oer fornuvere mar dat syn dagen fol makke fen wylde greate
dreamen. Mei gjin inkelde tried mear oan it ynderlik bistean fen syn
meiminsken forboun, mirk er sels det dêrmei al hjar wenstige
prakkesaesjes en opfettings him ôfglieden as de lêste flarden fen in
forsliten klaed, det er yn in triljend fielen fen frijdom foar de
swijende natûrwrâld om him hinne kaem to stean. Wiken wier it sa, det
er op syn fiere en forlitten swalkerijen him noch klear en djip
_minske_ wist mank de iensumens fen de skiere wettersuchtige lannen,
ien dy’t mei lege hannen der kaem en mei forwûndere eagen teach troch
dy dizige stiltmen; do bigoun de Natûr hjar great skeppend wirk yn syn
geast, en bigoun er himsels foarstellings en bylden to meitsjen út it
weigliden fen de sleau driuwende hjerstige wolkens, út de fochtige
rôljende en den wer útslaende rillings fen de dizen, út it frjemde
glydweevjen fen it bleke ljocht troch de hoalen yn de sûmbere
hjerstloft. Earmoedich en ienstimmich as de natûr hjar oppenearre oer
dy keale forlitten greiden, forskynde hja yn strange en almachtige
bihearsking oan de iensume siker dy’t ien groeide mei de greatens fen
hjar ûnbifiemberheit, det hja yn him de forheven egenheit fen hjar
djipst bistean sels wer kaem to oanskôgjen.

Hy seach se wer stoarmjen oer de bireinde himelbôging boppe him, de
ûnbidige heimsinnige wêzens mei hjar slingerjend hier, hjar antlit as
in frjemde ûntsjutberheit forhoalen hâldend yn hjar tizige krûzing; hja
kamen fen alle hernen fen de forlitten ierde, fierden kriich meimankoar
oer de kimen en heech yn de loft; spjuchtige gjalpen ljocht skeaten dêr
as spearen troch hinne, de rustige izeren skylden droanen dof tsjin
mankoar oan, hounen en wolven blaften wyld by de stegerjende hynsders.
Ef in ritsene swijende lykstoet teach der troch de loft, grize
reinkladen slepend oer de riljende weinen en de kop-hingjende hynsders;
út einleaze fierten kroepen frjemde lytse foarms neijerby en bleauwen
stean, deun tsjinmankoar oan krûpt, oan wearskanten fen de ljochter wei
dêr’t de swijende kloft hingjend en knikkend oer fierder teach. Ef de
wyn en de moanne wieren it iens wirden en hja fierden frjemde, wylde
boarterijen, de wyn hjar bifrijend út hjar oerdiedige sluijers en hjar
mei syn foreale amme bliezend yn it antlit, wylst ljochte geasten in
flechtige douns rigen de driigendste en wyldste wolkens bylâns; den hja
wer efter ûntrochkringbere tsjusterens fordwoun, tosiik det sels hjar
sté net mear to rieden wier, hy de wide himelromten oerstoarmjend en
alle wolkenbergen ombliezend mei syn útlitten forwoedendheit. O wolkens
fen Fryslân, frjeonen hwa’t dêr swalket, sterke oerstoarmjende ljeavers
fen hwa’t ienlik is! lyts en neatich steane de tsjerkjes mei it
hoarntsje ef it krús op de toerkespits yn de forlittenheit ûnder jim
woelige bifieming, mar ho binne jim, strieljend en bireind, rûzich
tsjuster en klear fen omlining, de goaden ûnskeinbere boargen bleaun!

Alles wier wûnderlik, alles libbe dêr syn bistean, fen ienselde libben
trochtrille. Sims, op syn swalkjen, as er kaem foar in ta sleat útdijde
greppel dêr’t er de wolkens yn driuwen sjen koe, klear en ljocht yn it
blinkwetter wjerspegele, stie er der tiden by to dreamen, hwet
foaroerbûgd, bliid as de oanstrikende wyn it effen rimpele, blider yet
as de tearen wer yn it igale forglieden en er it stille libben yn dy
ûndjipten wer klear ûnderskiede koe. Allinnich syn egen byld koe er net
mear yn it wetter sjen: den bigoun er wer to tinken en to siikjen oer
himsels, hy seach syn egen libben wer klear en skôge net yn syn eagen
ef hy tocht om de kâlde dreamen dy’t de jouns wer gearkringe scoenen om
syn bêd; yn selsforgettenheit allinne laei syn blidens. De frjemdste
tinzen skeaten him sims troch de holle; ienris tocht er, do’t er yn it
folle geniet fen syn frijdom syn binearing wer foar him forrizen seach
sà det er wearzge fen himsels en himsels fordwaen kinnen hie yn syn
hate: „as ik mysels nou ris deamakke en ik woe mei myn siele hjir dochs
bliuwe, scoe ik den ôf wêze fen alles, frij wêze lyk as nou dy fûgels
heech troch de loft en de krobben yn it wetter?” Mar tagelyk wist er
det er noch altiten in stille nocht oan syn uterlik en bidriuw hie, al
forflokte er it sims as in barnend klaed dat geargroeid wier mei syn
wêzen, en hy fielde djip det as dat freeslike wier wie’, as it kankere
yn syn libben, det syn tinzen en syn lea den beide oandien wieren fen
de smet en neat him fierderbrocht dat net betterskip yn alles
bitsjutte. Dagen lang sims stie it by him fêst det er gek wirde scoe,
en yn syn greatste bitterens seach er mei in kâlde foldwaning sims de
dei tomjitte det de wrâld sizze scoe det it sa wier—det er net mear
hoechde to tinken, bifrijd wier fen de flimen yn syn geast dy’t syn
hiele ynderlik wêzen ûntbleaten, as er bolderje en gromje koe as de
wyn, somberje as de wolkens yn de jountiid.

Yet jimmer gyng it dûbelde libben syn rin: it doarpsbistean mei Minke
en syn wirk en it wenstige hâlden, det er lyk as eltsenien de bûrren
lâns roun, himmel yn syn klean dêr’t Minke oer soarge,—nêst it wylde
libben yn de romten dêr’t nimmen kaem, mei eagen wyld libjend,
opljochtsjend en wer dôvjend as de koarte deiglâns oan de loft, lange
petearen yn himsels, sims sterk tsjin de wyn yn en altiten hiel in
wreed langst yn him syn soun en blank fleis lije to litten yn kjeld fen
rein en wyn, yn in ûnbiriddenearre stribjen nei lottering en
forneatiging beide. Minke wist der neat fen: hja hie noed det er waerm
yn syn ûnderklean siet, hja wier fen neat sa bang as kjeldlijen, hja
wist ho’t Bearn der ûnder forkomd wier oant de stjerrensglâns yn syn
eagen opljochte en er him riek ta de dea. Mar as Sjoerd mei syn wylde
frijer, de wyn, allinne wier, earne by in âld mounle ef in allinne
steand hok dêr’t dizze tiid fen ’t jier gjin stjerling kaem, den smiet
er syn truijen út en mei de bleate holle gyng er yn de rein, det syn
baitsje mei gauwens wiet flapperich sloech tsjin syn lea en de rein him
út it hier dripte en by syn nekke en hals roun oer boarst en skouders.
In ûnwitten, mar wûnderlik sterk en waerm fielen trochgloede den syn
hiele liif det er net ien kear rille; om wier to bliuwen, moat men
sizze det er weromgyng as er him kâld to wirden fornaem en syn hûd den
ôfroste, oant hja fen waermens tintele. Scoe in frjeon him ienkear
pleage hawwe mei dy healslachtigens, hy hie der tonei mei britsen en
wier dea gien.

Sok ûnbigryplik en godleas dwaen koe de froeder ljuwe fen it doarp net
alhiel forhoalen bliuwe; en dêr’t yn Fryslân persoanlik bisit hiemer is
as persoanlik oardiel, wier der greate ienfoarmichheit yn de ôfkarring
fen de seedlike doarpsmienskip dy’t wend wier hjar egen ynwindige
ûnklearens yn bislettenheit to bidobjen. Hja mienden it, de âlderein
sels sûnder útnimming, tige treflik mei Sjoerd en seagen mei lede eagen
dat jonge bistean lâns dy ûnbigryplike wegen syn oardiel tomjitte
strûzen; mei earnstich holleskodzjen en in mennich ynbannige wirden
bidrôven hja det sa’n skrandere jonge sa troch it libben scoe, net it
minst om Minke, en hja stiene de foargonger fen hjar stiif
rjuchtsinnige tsjerklike mienskip oan, der earnstich mei de jongkeardel
oer to redendielen, in inkelde apostolyske tekst oanheljend ta
bikrêftiging fen hjar pleit. De froede man dy’t yette nea oan de
útnimmendheit fen syn rjuchtsinnigens twivele hie, meast om’t it him
ûndildber west hie syn egen geastlike bifoarrjuchting yn kiif to
setten, mar ljeaver ek sûnder folle spil troch de wrâld gyng, koe der
net bêst for wei, al lake it him net ta op syn âlde dei yet ta
bikearing fen heidens útstjûrd to wirden. Yn it bigjin fen hjar petear,
in joun yn dominij syn stúdzje-keamer (dêr bitroude dy him yette it
bêst) foel Sjoerd him mei en hy forblide him al oer it ginstich
birjucht dat er syn oantrúnders oermeitsje scoe; mar hy biloek, do’t
er, nei Sjoerd wiisd to hawwen op syn plicht de neisten gjin argewaesje
to jaen en to bitinken, det it heil mear yn it Godshûs to finen wier as
yn de wyldernij (hy praette by forsin fen de „woestijn”) dy sizzen
hearde det nimmen dêroer oardielje koe dy’t beide net oan himsels
bilibbe hie, en in útnoeging krige sels sa’n swalkersreis mei in
oernachtsjen yn de mounle mei to ûndernimmen. Dat makke de oars
goedmoedige foargonger breinroer; hy forstie dit as in hún, alteast as
in dúdlik tokoart oan earbiedenis, en lei heechhertich yn det immen
dy’t mei Jezus troch it libben gyng en dos de wierheit hie, soks net
nedich hie to ûndersiikjen. De wyn rûze lûd troch de beammen fen de
pasterij-tún en ien fen de blinen bûten kleppere ûnwennich; Sjoerd gyng
oerein en sei: „Fen Jezus witte jy net folle ôf, as dy bistien hat, ken
ik him better, dy syn ryk hâldt by de mûrren fen jou tsjerke krekt op.”
Do foel der fensels net mear to praten.

Mar it barde, in wike letter, do’t Minke en hy swijsum foarmankoar oer
sieten, hja, heal slûgjend en heal mei hjar tinzen yn it fiere forline,
hy mei syn dreamen fier fen de wenten fen de minsken, det der in sêfte
ûnrêst yn him wekker waerd en hy âlde Minke in triljende blidens die
mei hjar om it tsjerkboek to freegjen. Hja gyng oerein, krige it for
him en joech hjar wer del yn hjar stoel, sabeare wer ynslûgjend, mar
nou en den mei healtichte eagen stoarjend nei it lêzen op syn antlit,
yn in tankbere en hast hillige frede. Hy siet foaroer, syn holle
twisken syn stevige knoesten, rimpels yn de foarholle en lies, de
boeken fen de evangelisten, inkelde dingen net forsteand, den mei in
triljend forlûken fen syn lippen as er in rigel mette dy’t to libjen
kaem yn syn hert; in frjemde driuw jage troch him hinne, en net wend
syn fielen yn bitwang to hâlden, liet er syn siikjen klear útkomme op
syn antlit. Lang siet er sa, det Minke hjar net forwege doarst yn hjar
sit; yn it lêst sloech er syn eagen op, nou hiel klear en djip fen in
stille blidens, en hy sei tsjin Minke dy’t him de wirden fen de lippen
lies: „Hja wolle ha, det er dêr yn hjar tsjerke libbet, beppe, ik tink
fen by de ûlen en de spinreagen by de kloksgatten. Mar hy preke fen de
bergen en gyng oer de séën, stiet der, en it grêf wier him to lyts. ’k
Moat mar net wer nei dominij ta, ’k scoe him op syn gesicht slaen, as
er sei det hy mear wist fen him as ik yn myn iensumens.” Minke hie
lang, lang wirk ear’t se dy ûnbiwende wirden trochgroune en hja woe der
mar neat fen sizze; do kaem der in moai tinken yn hjar op en hja sei,
it antlit nei it finster: „Ik leau det dy him it bêst bigrypt dy’t him
it meast nedich hat. En dy is er ek it neist.”

It wûnderlike wier det er dy nachts yette lang wekker laei, mei iepen
en tichte eagen beide, en det der neat om hinne spoeke en det er
einlings glimkje koe yn syn sliep.




VI.


Yn de foardagen fen wintermoanne skjinne de loft op en siichde it
sinneljocht yn in teare forsilvering troch de himel-ilens op ierde.
Yette stie it wetter heech en forlijden de lêste blêdden mêd ûnder de
beammen, mar de stille glâns fen de wémoedige ierwinter-dei, hiel it
jier yetteris trochlibjend yn it freedsum neitinken fen syn witten, lei
in swiete eage treast oer al it forstjerrende. Kjeld wier der yette net
oan de wide loft dy’t yn in tear fier grien boppe de fochtige greiden
útstie; jouns gyng de sinne ûnder yn in nêst fen sêft-gouden dreamen,
hast sa klear en myld as de silvrige moanne-wazen yn nachtlike
forlittenheit. Hiel de natûr forstie de ûnnuttichheit fen hjar lang
hjerstich skriemen en kearde stil en klear ta hjar djipste heimnissen
yn, hiel fier al wer de preal fen komstige maitiid foarfielend en mei
de treast fen hjar bitrienne witten yn skientme en hillichheit
forskinend oan minskene each.

Koart wier de dei, net mear as in fiere glim fen ivich ljocht, mar
suverjend en stil. Minke fielde wer in lichte forklearing yn hjar as
hja, effen bûten by it stap, de frede fen dizze mylde foarwinter mei
eagen en amjen yn hjar opnaem; hja stie to sjen nei it fiere ienwirden
fen bleekljochte kym en fealich lân dat hja yette heal ûnderskiede koe,
en it wier as sêfte lytse stjerren hjar losmakken út dy teare
ljochtmingeling en de himel ynskeaten, oant hja wer forraenden yn
foarser ljocht. Nachts skynden de wiere stjerren, folle klearder nou al
as by ’t simmer, en de moanne smiet in heimsinnich ljocht om de beammen
dy’t dêr, neaken en mei forwitende fingers as ûnbigryplike wêzens yn
riisden, sims oerhuvere fen in streakjend skaed as yn it hege in wolkje
de moanne bylâns dreau. Sjoerd hie sterken oanstriid nou nachts bûten
to wêzen, fier by it ûnderroune lân dêr’t er it weevjen fen it
moanne-silver sjen koe oer de huverjende rimpeling fen it wetter, mar
hy gyng der tsjin yn om Minke, dy’t sok ûnwenstich dwaen min mear
forstie en den gjin wink yn hjar eagen krige. Oant er op in iere middei
oan de loft seach det der stoarm op kommende wei wier en by it witten
hwet der den barre moast dêr yn dy forlittenheit fen wetter en wolkens,
it him sa twong det er de middeis net yn hûs bliuwe koe en foartroun,
nei Minke sein to hawwen det hja him net foar de oare moarns thús
forwachtsje moast.

Hy roun de strjitwei út, stille blidens yn syn siele, in rom fielen fen
bifrijing yn it hert. Leech en forlitten laei de wei der nou hinne, in
keal bitiis fen twigen boppe syn holle, skjin en blinkend spield foar
syn foetten, ek efter de bocht yet fier to folgjen op syn wisse rin
troch de wide greide-lannen, oant er efter in pear allinne steande
pleatsen fordwoun. Nimmen wier op in paed; it wier de tiid det it wirk
birêdden waerd twisken de mûrren. Skraech de uterste arbeiderswenten
fen it doarp foarby, fielde Sjoerd him al mei de stiltme allinne, en
joech er him oer oan syn mimerings oer de lytse dingen dy’t er de lêste
tiid forlibbe hie, de frijdom fen dêr tonacht by dat greate barren
allinne to wêzen, syn forbyldings ho’t de wyn de weagen skomjend
opjeije scoe oer de ûnderstrûpte lannen, ho’t er skoerre scoe om de
hernen fen de âld mounle hinne, dy’t der egentlik allinne for spot mear
stie en dêr’t er njunkelytsen ien en oar yn gearsleept hie det er dêr
mei hwet bihelpen yn oernachtsje koe. Hy bitocht ho frjemd it wier det
fen al dy doarpsminsken, great wirden mei al dat machtige barren fen
wikseling en krêft om hjar hinne, allinne hy it libben mei de iensumens
weromfoun hie, wylst de oaren hjar dimmen bisleaten efter hjar doarkes
en finsterkes; hy wier greatsk op syn oars-wêzen, dizze middei, det der
in lichte readigens kaem op syn oars al folle bleek antlit, en syn
eagen strielen as er omseach nei de loft efter him, dêr’t de wynwolkens
mear en mear geardreauwen en yn hjar ynbannige skierens de wacht holden
boppe lân en pleatsen.

Hommels bleau er stean, by de bocht fen de wei hearde er praten,
inkelde wirden dy’t er net forstie, lûd en lilk, gebrom fen in pear
mânljue en de kleare tergjende stim fen in frou dêroerhinne. Hy kaem
tichter en seach, in stik ef tsjien beammen foar him út, in greate
markewein útspand stean yn de bjirms; tichter nei him ta roun in
stevige kedde mei de earen deun tsjin de kop, nidich to skoerren oan it
langere gersgûd yn de ûnderwâl, mei dêrnêst in brune jonge yn fodden
dy’t syn moai en sterk jongesboarst bleat lieten; mei syn toerswarte
hannen hied er him in pear smoarge streken oer de wangen rost, syn
bleate foetten forlearen hjar oant de fine inkels yn it gers twisken it
strewelle-gûd. Hja dy’t spritsen hie, kaem mei in nidich forweech it
stapke del, in bakje klaei-swarte jirpels yn hjar hân; de holle hwet
fensiden, alhiel biskûl efter it pikswarte hier dat oer hjar skouders
hinne foar it boarst delfoel, rôp hja yet in pear nidige wirden nei it
ynderlik fen de wein mar kaem mei-ien hast to stroffeljen. Effen loek
der in heal noartsk, heal pynlik fielen oer hjar antlit, do joech hja
hjar del op it trepke, it bakje nêst hjar, hjar iene hân om de bleate
soal fen hjar foet hinne, dy’t hja hwet biseard like to hawwen; do
sette hja beide foetten del op it wiettige gers, smiet hjar hier
efteroer mei hjar hannen dy’t hja efter hjar nekke gearhold, en seach
sa, de holle hwet nei efteren, de eagen mei de swiere swarte teisters
heal ticht, de strjitwei oer.

Sjoerd naem hjar op as in frjemde, en al koed er net yn de glâns sjen
dy’t flûnkere ûnder hjar eachlidden wei, hjar antlit mei de bloedreade
lippen en hiel ljocht brune tint omkrânse fen it dream-gebeart fen hjar
blanke earms en it glânzgjend swarte hier, like him moai. Hja kaem der
iepen genôch foar út det ek hja him mei niget opnaem; stadich lieten
hjar hannen efter de holle los, dreamich riek hja hjar iene earm út en
lei de hân dêrfen heech tsjin de doarstyl boppe hjar holle, det hjar
fodderige boppe-ein tobekfoel, de hiele earm bleat liet en in stik fen
hjar side dêrûnder. It hirde fen hjar antlit forsêfte, de fjûrige glâns
fen hjar eagen myldere, hja wier neat mear as dream-oanskôging,
fordjippe yn it sjen nei de moaije sterke feint mei it fine tinkende
antlit dy’t nei hjar takaem.

Ynienen lieten hjar lippen glimkjend fenmankoar, det it wyt fen de
tosken dêr trochhinne skimere. Do, inkeld faeks om hjar lûd hearre to
litten, rôp hja mei in opjaen fen hjar lichum in wirdmennich nei de
jonge, kleare djippe muzyk, as in toerslach troch middeistiltme. De
jonge roun drafkjend nei hjar ta, hja helle him oan, en yet healsittend
op it trepke, sloech hja de earms om syn hals, en sa op him lynjend,
riisde hja oerein, heech en rjucht. Mei greate forwûndere eagen stiene
hja beide him nou op to nimmen, de jonge greatsk nêst hjar, yn de
oankommende blidens fen syn ek al man-fielen, hja, de earm om hjar
broer hinne, yn wûndere stille weardichheit oant hy foarbygien wier; do
sei se him, klear en ynlik, hjar groetenis dy’t hy allinne mei to
knikken en glimkjend biskie dwaen koe. Heal nidich op himsels om hwet
er yn him as opkommende forlegenheit forstie, heal greatsk om’t er
bigriep det dit hilde bitsjutte as fen in berne foarstinne, gyng er syn
wei, bitiisd yn syn tinken mar mei laitsjende eagen yette; do’t er, in
ein fierder, omseach, stiene hja beide yette him nei to sjen, nou
midden op ’e strjitwei, twa ûnder strieljende loften berne, beide as
forwûndere hjir yn dit ilindige lân yette sa’n prins to moetsjen.

Hiel de middeis en troch de woelige rûzing fen dy joune, wylst er
swalke troch de romten fen syn dreamen en stil stie to sjen fen kym ta
kym, iene forwegende forskining yn dy ierdske ûneinichheit, libbe it
byld fen dy moeting yet yn him nei, en makke it syn tinzen ljocht en
sêft. Syn jachterige swalkersdriuw, dy’t him oars ûren doelleas yn dy
stiltmen omkruse liet, hie him nou bijown, en foaroerline op in hikke
dy’t op in smel dykje om in ûnderstreamd stik lân hinne boppe it wetter
útstike, seach er dat libjende moaije antlit wer yn de mylde oersêfting
fen hjar eagen. Hy tocht deroer nei, lang en swier, en in pear kear
mirk er det er oanstriid hie tsjin de joun dochs nei it doarp werom to
gean, det er kâns hawwe mocht hjar wer to sjen; do foel er hird en
wreed út tsjin himsels, hy tilde de holle omheech, seach nei it woeljen
fen de loft efter him en hearde it oanrûzjende liet fen de reiden dêr’t
hiel it witten fen de oankommende stoarmnacht al yn suchte, en wist det
er bliuwe scoe. Hy roun wer in ein, bisocht it gean fen de wolkens en
de ûndjippe skolpering dêr’t yet forskate lange stâllen út riisden, to
sjen lyk as oars, him de wyn tomjitte to goaijen lyk er it wend wier,
mar hieltiten wier der in stil klear ljocht njunken him dêr’t er wer ta
ynkearde, en djip yn syn hert waerd in nije ûnfrede wekker.

Mei in pear ûre wier er wer by de mounle, dy’t oan de ein fen in
stevich en reid-omseame dykje, forlitten en frjemd stie yn de fallende
joun, fol frjemde suchten fen de oankommende wyn dêromta. Mei fiere
eagen stie er yn it lij de fjilden en de wetter-romten oer to sjen
dêr’t nou in trochinoar-slaen fen weisinkend ljocht en wolkenskaed oer
opsette, en for it earst kaem er yn de iensumheit wer ta djip en
siikjend ynkear. In frjemd riedling stie him foar dêr’t er it andert
net fen wist en dêr’t, miende er, syn hiele bistean dochs mei gearhong.
Syn ûnrêst, syn wyldens, de nea ophâldende pleach fen syn nachten, kaem
it om’t er yet to ticht stie oan de minskewrâld, om’t noch tofolle him
boun oan de lytsen dy’t nea witte scoene hwet frijdom en striid en
greatens wier, ef om’t der nimmen wier dat alles mei him to dielen sà
det dêr’t de lêst himsels to swier waerd, in oar dy willich op ’e
skouders naem? Hy tocht om syn ljeafden dêr’t ienris, tiden lyn, syn
libben ryk mei west hie en wist to klear yn syn hert det dat allegear
ljeagen west hie om it ea werom to wollen; neat hie it him jown, faek
hie it him bismodze, it lêste dat ienris it greate like, hie yn de
groun jimmer waen en ûnwierheit west. Efteroer line tsjin de swarte
mounle, de eagen oer it wetter dêr’t it tsjuster al oer gearloek,
forstie er yn in hast ûnierdske klearens det er net ienris yet wist
hwet ljeafde for minsken wier, det der nea immen west hie dy’t him
frijmeitsje kinnen hie fen himsels, det miskien nimmen syn hiele libben
nea diele scoe om’t er frjemd wier by oare minsken, oars as dy
allegearre, sa oars det by hjar de tael forfrjemding yn sté fen
forbining waerd. Mar as hja dy’t er nou sjoen hie, dy’t sels sa fier
fen de minsken hjir libbe, hwaens lilke wirden tsjin hjar sibben er
heard hie, dy’t faeks ek in iensume wier lyk as himsels, as hja nou
inoar moeten yn dit libben, hja dy’t sels by dy moeting al wisten det
hja mankoar gjin frjemden mear wieren...

En foart dêr oerhinne de koartse fen de ûnrêst. Det, wylst hja faeks by
inoar hearden, it libben hjar moarn al by him weiskoerre koe, det hja
inoar faeks nea net wer seagen, det er nea mear stil en klear yn dy
huverdjippe eagen sjen scoe, lyk as tomiddei in telmennich. It hert
bigoun him to bounzjen fen eangst, hy wist det er hjar yet ienkear sjen
moast, scoe er ea wer frede hawwe. Hy koe him forsind hawwe ef hja koe
syn heil en rêdding wêze—hy moast witte. Hy stie yet yn greate striid
to tinken eft er nou dalik weromgean scoe en bisiikje hjar to sjen,
do’t der in sterke wynstjit om de mounle hinne skeat, it wetter hommels
yn in swiere weach oproun tsjin de mounledyk, en hy, wittend det it
woelich nocht fen de nacht ynsette, tankber forstie det ek hja sa let
en by sa’n waer net forreizgje koene. „Moarn scil ik gean” naem er him
foar; do kearde er him wyn en wolkens wer ta, mei de dûbelde blidens yn
him fen greatens to sjen en efter dizze greatens, yet in greater wyt to
hawwen.

Mei in great gerûs roun it wetter nou, opswypke fen de fûl bliezende
wyn, nei it reid fen de mânske kearing; wolkens dreauwen heech op en
fortsjusteren it lân, in inkelde fûgel kriet yn de fierte troch de wyn.
Yn it west tarde it lêste ljocht wei as in dream, de skimer kaem oan,
de tsjustere joun, de nacht. Mei in swier en droanjend koar mingelen
hjar de lûden fen wetter en wyn en reid, mei de ritsen lûden fen de
wynstjitten om de mounlehernen as in lege deadlike floit dêr
trochhinne. Ut alle hernen kamen hja, de ûnsjenbere wêzens dy’t de
nocht fen de tsjustere stoarms ljeavje fier bûten de wenten fen de
minsken; hja dounsen oer de tsjustere weagen yn de rûzige nacht en
wekken it skom út ’e djipte, dat yn lange rigen ynslantere twisken de
kleijende reiden. Op de weagen hjar rêgen rieden hja, en diene de
wetterhynsders stigerjen mei hjar lûd allinne, troch de loft jagen hja,
wenjend yn de skiere wolkens dy’t lûd wieren fen hjar liet; efter de
swalker stoarmen hja oan, ûnforsteanbere sangen sjongend, in rûzing fen
lûd weitsjend ek út syn hert. Hiel de joun dûrre dat wyld ûnbidimber
noft, kleijend en jûchjend, driigjend en hunend, symphonije dêr’t de
wrâldgeast syn striid forhearlikjend yn song, lûden fen ûneinichheit
stjûrend oer de sljuchte lannen fen Fryslân. Tsjin de nacht earst dreau
de moanne de wolkens foar hjar antlit wei en skeaten de fleagen fen it
bleke ljocht oer de rûzige weagen, det de wyn hommels nije wizen
ynsette en in liet fen sillichheit bigoun.

De holle yn syn hannen op ’e knibbels, siet Sjoerd nou yn de mounle, de
doar iepen, út to sjen nei it gliden fen it moanneljocht oer it
wetterfjild. Op in bak nêst him stie in âlde lantearne dy’t in flau
ljocht útskynde efter de smoarge rútsjes wei; it ljocht gyng op en del
mei de pûsten fen de wyn, flapte skynsels op yn de mounle-hernen dêr’t
strie laei mei in pear kouwedekken en hwet âld kleanspil, slonk den wer
wei det de skaden twirjend oandounsen nei mids yn de romte. Weidûkt yn
in rûge âld jas, stoarre Sjoerd stil foar him út, nou klear en ljocht
yn syn tinzen as it wite ljocht oer de weagen dat in stille weamoed fen
birêsten yn syn wêzen skynde. Sims klonken der inkelde wirden yn him
omheech dy’t sjongsum oan mankoar rigen en in moai tinken ynhiene,
dêr’t ersels binijd nei harke en dy’t er den sunich for him út sei. Hy
fielde him wûndere licht, as weinomd út syn deistige minsklikheit,
seach it weisinken fen it ljocht yn de yet oerstjûr krôljende weagen en
it wer útsjitten dêrfen oan mei eagen dêr’t in djippe kleare frede yn
wjerspegele.

Hommels stie it bloed him yn de ieren stil; yn it swakke útskynsel fen
it ûnwisse lantearne-ljocht nei bûten smiet de moanne it ile skaed fen
in minske. Syn sikens stiene stil, in pear tellen bleau er sjen, de
foarm laei der ûnforweechlik; do, mei in rimpene biweging, dwêste er de
lantearne, taestte mei syn rjuchter hân op it stiel fen de revolver,
stie yet in tel yn biried, sloep do nei de útgong. In huvering
trochtrille syn hert: nest de útgong stie, stil en mei fiere eagen nei
it wetter keard, in wapperjende blauwe doek slein oer it hier, it fanke
fen dy middeis. Hja hearde geroft fen syn kommen, en seach om, seach yn
syn eagen, rêstich en klear as wist hja det er dêr stie, en makke in
effen gebeart mei hjar frije hân nei de kant dêr’t it moanneljocht op
it wetter rêstte. Hy scoe syn binijing to forstean jaen, syn earste,
ûnwitten opwâlling wier in gebeart to meitsjen dat hjar bitsjutte to
gean, do’t er, fen siden hjar oansjend, mirk det se skriemde.

Hy stie helpeleas, doarst hjar net oanreitsje, fielde hjar leed as in
pine yn syn hert. Hy tocht om neat mear, frege net mear ho’t hja wist
det er hjir bidarre wier, joech him gjin rekkenskip fen hwet komme
moast as hja dêr by him bleau, fielde allinne det it hjar goed wier dêr
by him to wêzen, en in djip lok hjar nou, yn hjar leed, by him to
hawwen, jage troch syn bloed. Hy stiek syn revolver wer yn ’e bûse; syn
forwegen die hjar dêrnei sjen, hja loek oan de skouders en glimke
effen: hy forstie det it hjar ek goed west hie as hy hjar dêr
deasketten hie. Hy seach hjar lang en frjemd oan, do gyng er wer yn de
mounle, stiek de lantearne wer op, makke hwet oarder en gyng wer sitten
op ’e bak, foaroer mei de hân oan de holle, wachtsjend hwet hja dwaen
scoe.

It wier hjar oan to sjen det se in swiere striid mei hjarsels útfocht;
hiel stil, mar wûndere klear en tsjinstridich bylden de fielings hjar
ôf op hjar antlit, in wite roas yn it teare ljocht fen de moanne. Hy
tocht, forhope en eange tagelyk, det hja weromgean scoe, forstie net
hwerom se net foartgyng ef nei him takaem, bigriep net det hja net mei
bitrienne eagen noch drôf yn it herte gean woe nei him dêr’t hjar hiele
libben dizze iene dei yn bistie. Lang stie hja sa; allinken hâldden
hjar triennen op to rinnen, hja naem in tippe fen hjar omslachdoek en
bidiek der effen hjar hiele antlit mei; do’t hja it frijmakke, glimke
it mei de mûle, al stiene de eagen yet earnstich. Net it lytste gebeart
gyng hjar rimpen en koart ôf, hjar hiele wêzen hie de adel yn fen ta in
folk fen kenings to bihearren, alles oan hjar wier stil en kein, as
wist hjasels hjar haechlikheit en trochlibbe hja nou dy sels mei de
blidens fen moai wêze to kinnen.

Hja fette nou, mei itselde gebeart as dy middeis, de styl by de yngong
en joech hjar dwersoer del op ’e drompel, de knibbels oplitsen, de rêch
tsjin it lewant oan, det hja mei in licht forweech fen hjar holle,
Sjoerd sjen koe en yn de oare wei it ljocht oer de weagen. In skoft
lang seach hja yet nei bûten, as yn tinzen; do kearde hja hjar antlit
fensiden, nou alhiel laitsjend, nei Sjoerd ta, en for it earst seagen
hja mankoar in skoft yn de eagen, beide as koenen hja inoar lang, dochs
yette siikjend nei hwet dat yet ûntbriek. Yn ienen, nei in oplûken fen
hjar wympers as foel hjar hwet yn, forwege hja hwet mei de lippen,
wiisde op hjarsels en neamde hjar, klear en mei stille earnst:
„Marietta”; do kaem der in freegjen op hjar antlit en wiisde hjar
finger syn kant út. Hy bigriep yn ’t foar hjar binijing al en sei
laitsjend syn namme; hja bisocht him in pear kear stil nei to foarmjen,
skodde effen mei de holle, en lake werom, lokkich det hy it die. Do
seach hja wer effen foardel, bitocht hjar effen, en wylst hjar hân wer
stil de kant fen it wetter út wiisde, bigoun hja sêft, as for hjarsels
to sjongen.

Fier en dreamich klonk hjar sjongen troch de wyn hinne, as wieren it
gjin oanlearde folkslieten, as song hja it libben fen hjar siele nei
egen fielen. Hjar eagen fen it moanneljocht biskynd, glânzgen en
flûnkeren nou as edelstiennen, in roazige gloede loek yn hjar wangen,
de waermens yn hjar lûd groeide oan. Sims klonk it hiel fier wei, sêft
silveren sjongen fen weagen mank de brune reiden, den as de wyn wer
opstiek, lûder en sterker de hichten ynrizend mei it gieren om de
mounle hinne, tsjusterder en frjemder wer, yn drôvenisse en rou, as in
wolken de moanne foarbyloek; oant hja, mear yn hjarsels libjend, âlde
flûnkerjende sang fen hjar folk bigoun op to heljen, fol sinne-gloede
en hertstocht, nou en den biweech meitsjend mei de hân as tocht hja in
ynstremint to bispyljen. Lang siet hja sa to sjongen, Sjoerd harke,
dreamend, binijd, langst rizend yn syn hert. Hy hie wachtsje wollen
hwet hja dwaen scoe, mar briek nou sels syn opset, gyng nei hjar ta en
stiek syn hannen út; dalik hold hja op, fette se beet en riisde oerein.
Oan it lêst ta hjar bihearskjend kaem hja nêst him stean en laei hjar
holle bitrouwend op syn breed boarst, nei him opsjend mei glimkjende
forwachtsjende eagen; earst do’t syn lippen hjarres founen, huvere hja
effen en sloech hja hjar blanke sterke earm om syn hals hinne.

Lang stiene hja dêr yn de hillige oerjefte fen dat grounleas finen,
roerleas op itselde sté, wylst de wyn hjar hier mei sines bitiisde,
sims, as it to fûl waeide, hjar greate doek ek by syn antlit lâns, det
hjar sterk en fêst amjen waerm om him hinne wier. Yn in dream seagen
hja sims yette in glim fen it wite ljocht, dat nou hiel fier like,
inkelde stjerren twisken de wolkens troch; den omklammen hjar hannen
inoar yet fêster, klear gyngen hjar eagen, sa ticht by mankoar det hja
it streakjen fen inoars eachlidden oer de wangen fielden, nei itselde
frede-byld yn de hichte, sims suchte ien fen de twa en seagen hja inoar
effen glimkjend oan, oars wier alles stil. Einlings fielde Sjoerd det
hjar skouder kâld waerd; hy bigriep det er hjar sa net langer hâlde
koe, en bitocht him effen, de eagen ticht. Do’t er se wer oploek,
seagen hjarres yn sines, dimmen en stil en dochs mei in ûnsizlik
langst; hy glimke hjar effen ta, beide wisten nou alles fen mankoar to
forstean. Yet ienris seagen hja nei bûten, fjilden, weagen en loften
oer, do loek er de doar efter hjar ta en hja wieren allinne bymankoar,
lokkich en blij as twa dy’t mankoar lang sochten en hjar beide
losmeitsje moasten fen folle selskip.

Fredich glied de silveren rein fen de moanne oer de greate forlitten
mounle del, dizze ljeafde-nacht fen de lêste winter det er dêr stean
scoe. Spoekich kreake it boppe yn syn forsliten bynten en suchte it
troch iepenlitsen skreven, mar yn syn hert wier de hillichheit fen it
libben. Krânsen fen dreamen út sillige fjilden weven de weagen hjar,
skolperjend oer de bûtlannen fen it lytse dizige Noarderlân, mar ek dy
dochs mei de rûzing fen de ivichheit sels oer hjar ûndjipten; en de
wyn, de âlde wize wyn, dy’t oan safolle wenten fen minskebern kloppet
yn ûren fen blidens en leed, dy’t it earste lûd fen de lytse bern yn
him meinimt en de lêste sucht fen de forstjerrenden, mar it meast
lústeret en jubelet fen hwet er wit fen de nachten fen ljeafde as
minskene tiid stilstiet, britsen wirdt en yn de ivichheit weromfalt, hy
foar alles wekke dêr en fage de fiere omkriten skjin, det nimmen
neijerje scoe as de geasten dy’t blidens hawwe yn minskene lok. Sims,
twisken dreamen yn, hearden hja syn blide hillige lûden en effen
forsonken hjar iepen-bloeijende eagen yn mankoar’s glâns ear’t hja
weromdreamden yn de ûnwittendheit.

Do’t Sjoerd yn de moarn wer ta himsels en klear tinken kaem laei
Marietta hjar blauwe doek oer syn antlit. Sêft die er dy fen siden, en
mirk mei in skok det hja fordwoun wier. In greate eangst die it bloed
opstoarmjen yn syn hert, wylde tinzen dounsen der foar syn eagen, hy
doarst him gjin rekkenskip jaen hwet bard wier. Hy wist det hja ta
alles yn steat wier; do’t er syn revolver noch yn de bûse foun, tocht
er om hjar stadich drôf gebeart dat útwiisd hie nei it wetter. Dreaun
fen in moardzjende ûnrêst roun er, sa gau it lije koe, de lannen troch
nei de strjitwei en dy del, nei it doarp ta, eft er hjar dêr fine mocht
en hjar stil foartgean forwite.

By de bocht fen de strjitwei seach er det de merkewein der net mear
wier. Hy hâldde him fêst oan in beam en bisocht to tinken; do bigriep
er det hja him forlitten hie, det er hjar net wer sjen scoe. Hy fielde
in skroeijende pine yn rêch en boarst dêr’t er sels neat fen bigriep;
syn kiel barnde en hy hie moeite yet siken to krijen. Noch in mennich
beamstammen sleepte er him fierder, hommels slein fen in oare eangst,
det hysels it wier dêr’t de Dea deun oan ta wier; einlings kaem er op
it sté dêr’t it gers plat wier fen it forkear fen de frjemden. Bûten
himsels liet er him dêr del op in knibbel, gek fen leed en pine;
helpeleas seach er om him hinne, eft hja ek nou net komme scoe him to
treastgjen, in pear kear foarmen syn lippen hjar namme, do snie it him
fen nijs as mei in flym troch it boarst, in read flues loek gear foar
syn eagen en hy foel del, de holle bounzjend tsjin deselde groun dêr’t
hja jister niigd hie for syn jonkheitskrêft.




VII.


Wylst de skiere winterloften stadich fierderwâllen oer it lytse doarp,
wekke Minke yn djippe soarch oer it libben fen hjar bernsbern. Fen nijs
wier de ynslomjende libbenskrêft wer stil en klear yn hjar forriisd;
gjin wird ûntkaem hjar do’t de doarpsljuwe nei omstannige foarbirieding
hjar seinen ho’t men Sjoerd in ein bûten it doarp for dea lizzen foun
hie; en do’t se him, yet jimmer sûnder bisleur, de doar fen hjar lytse
wente yndroegen, fage hja in pear triennen wei, mar hjar lûd bleau
rêstich en klear as altiten. Hiel lyts en bang stie se by de bedsdoar
wylst dokter Sjoerd ûndersocht; hjar eagen hongen oan him, gjin
forweging, gjin forlûken fen syn antlit ûntkaem hjar. De dokter, in
hwet rou en koart-oanboun man hearde hjar triljend suchtsjen en seach
ho’t hja de hannen gearnaem do’t er hjar sei det der in hirde tiid
kaem, mar det it goed gean koe as er sterkernôch wier; en it krong
effen ta him troch, det as er him ûnginstiger útlitten hie, ek it
âldminske der bêst hinne sige kinnen hie. Mar dalik sloech Minke de
eagen wer nei hjar bûrman dy’t yn de keamer wachte, in swiere
breedskouderige arbeider mei in iepen reafallich antlit, en hja sei:
„As er bigjint to dwilen kin it my wol ris to mânsk wirde. Scoene jy my
den hwet bystean wolle?” De greate rouwe keardel knikte sûnderdet er in
wird útbringe koe; hy tocht om syn egen thús dêr’t in kefferich wiif it
ramaeijich biwâld fierde oer fiif oerhearrige bern, en forstie hwet fen
de adeldom fen it libben.

Al hjar fiere prakkesaesjes en dreamerijen wieren it âld minske hommels
wer frjemd wirden. Hja tocht net mear om it riigjen fen de dagen, om it
útsjuch fen de loft noch om de wredens fen hjar libben; hjar bistean
hie wer in doel krige dat al hjar krêften opeaske, de ienichste fen
hjar laech dy’t hjar hiele swier bifinen rjuchtfeardige hie, moast
rêdden wirde. Hja libbe hjar egen libben egentlik net ienris mear: it
wier as kamen de winsken en de neden dy’t de sike sels net wist, yn
hjar brein ta klearrichheit, as wier syn sels-witten oergien yn hjar,
det ienselde driuw syn lichum forwegen en kromjen die en teffens yn
hjar geast kaem to libjen. Nachts, as de eagen fen wirgens hjar effen
tagliden wieren, mei ho’n ûnleauber bytsje sliep hja langer ek takoe,
fielde hja heal sliepend yette it libjen yn him, en as syn ûnrêstige
sliep hommels ôfbriek en er wyld de keamer ynstoarme, forliet de sliep
as fensels ek hjar eagen wer.

Wiken laei Sjoerd dêr op it bedsté yn de wintersk fortsjustere keamer,
swier en meast ûnwittend wrakseljend mei syn sikens. Near klonk it
hoastjen út syn boarst, hol en net to kearen, oant syn foarholle dreau
fen swit en er krêftleas efteroerfoel yn de kjessens, dêr yet krôljend
ûnder de ûndraechlike skokspanning fen syn lichum. Koartsen jagen kjeld
en barnende hjittens oer syn bloed, oant syn antlit forwrongen stie fen
de stoarming troch syn ieren; den dreamde er, tizich en wyld mei de
binearjende dwylglâns yn syn eagen, hune en jage fen twangbylden hwaens
skriklikens Minke rette oan de ôfgriis en eangst fen syn antlit. Sims,
as hja him in skoftke forliet en him fredich to sliepen tocht, foun hja
him weromkomd, rjucht lizzen mei wylde stoarjende eagen en in útslach
fen swit oer syn foarholle, syn ynfallen wangen en formeagere hannen;
bang stie hja den nei him to sjen eft de glâns yn syn eagen tobrekke
scoe en yn noed fette hja syn hân oant er wer bigoun om to skeuken en
it deadlike swijen wiek. Mei de pear foarste grousume koartsnachten
wier de sêfte glâns fen syn moaijens alhiel fordwoun, swart en
formeagere laei er dêrre; en dochs, as Minke him dêr sa troch de dei
lizzen seach, like hy hjar net ien dy’t mei gauwens stjerre scoe, sels
yn syn ôffallen en syn ilinde bleau der hwet geefs en sterks oan him,
de net ûnderbrochte krêft fen syn jonkheit; dat fielen dreau de slimste
eangstme fen it âld minske wei, det hja yn goed bitrouwen him
forsoargje koe.

It wieren de foroarings yn it waer dy’t hja it meast for him eange. Yn
it earst hie hja tocht det it suver tafal wier, as der ûnrêst yn him
kaem by it opstekken fen de wyn bûten, frede as de dei stil wier ef de
moanne nachts skynde; mei gauwens mirk hja it bistean fen in fêst
forbân dêrtwisken. Sels do’t er yet bûten bisleur wier, like der ûnrêst
en eangst troch him hinne to gean as it jouns om doarren en finsters
bigoun to rûzjen; den bigounen syn eagen wer to glânzgjen en syn antlit
forloek, Minke tocht earst sims fen blidens, mar hja seach ho’t syn
lijen dêrmei forslimmere, en op ’t lêst waerd dat oanrûzjen fen de
nachtwinen hjar in binearjende spoekedouns. Moarns, nei de striid fen
de nacht, wier er op it stilst en klearst en as der in dimmene glâns
fen de wintersinne troch de keamer glied, laei er, eagen ta, as yn
fiere dreamerij, mar tsjin de joun bigoun er bang om him hinne to sjen
en in hiele wrâld fen lilkaerdige geasten like der foar him to rizen,
oant it oankommen fen de nacht dy yette oerstjûrder libjen die en er
swier to smûgjen laei, sims moeisum in ûnforsteanber lûd loshoartend út
syn nearens. It grousumst wier it in kleare winterjoun do’t de snie
rounom tsjok oer ierde laei en moanne en stjerren út ’e twinkeljende
loft it fierste keamersfinster ynskynden; nei de middeis hwet slomme to
hawwen, skrille er yn ienen wekker as yn in forheftige eangst, seach it
alderearst de roune moanne great yn syn eangjende eagen ynskinen, kâld
en gril oan de froastige loft, en lûd kroanjend sloech er syn hannen
foar de eagen. Minke die dalik it blyn ta, mar it wier to let: it
spoekbyld bleau him de hiele nacht by, almartroch sloech en dwylde er,
sims opsnokkerjend yn syn koartse det it Minke wé waerd om it hert, den
oereinstouwend en driigjend út to brekken, det de bûrman, dy’t hja der
byroppen hie, swier wirk hie him to kearen.

Einliks naem de sikens ôf, syn eagen waerden fêster, rêstiger, syn
sykjen joech him gjin lêst mear. Mar tagelyk bigoun for Minke in oare,
hast yet greater eangst. Dagen longere hja nei syn earste wird, nei syn
earst forweech det hja forstean scoe det er hjar werkoe, mar hy laei
dêr, ûnforweechlik hast, stil en hiel wyt, en sei gjin wird. Mei in
deimennich frege hja skruten en triljend de dokter eft dat nou hast ek
foroarje scoe: dy loek mei de skouders en út syn dwaen sloech de eangst
op hjar del det it miskien nea wer oars waerd, det Sjoerd syn omtinken
net wer krije scoe. Hja hie hjar eagen deis hast net fen him ôf, mar
doarst him nea to freegjen noch hwet to dwaen om syn opmerksumens
geande to meitsjen, eang det se him dêrmei wer ûnrêstich meitsje mocht.
Stil en lyts wier hja nou njunken him dwaende, de wirge rêch al mear
oerbûgd nei de groun, wachtsjend, al mar wachtsjend det de sinne fen
syn omtinken wer brekke mocht út ’e skierens fen syn foartbistean;
wylst wikselen bûtendoar de greate tiden mankoar, sleatten en marren
leine bifliere mei iis, en iensum biidzjend, de middeis by tafel, mei
triljende hannen gear oer hwet stopwirk, wylst in meilydsume glim fen
de wintersinne útsiichde troch it finster, hearde hja de jonkheit fen
it doarp willemeitsjen in pear huzen fierder, bleek en mei in
oandwaenlik gearlûken fen de âlde ynfallen mûle.

Effen letter waerd it ûntlittend; de oezen dripten, wjitterinkjes
rounen by de finsters del, dêr’t de sinne as skriemend op skynde.
Sjoerd laei stil op bêd dat oan to sjen, Minke siet oan tafel to
jirpelskilen, nou en den mei de eagen nei him ta, twiivlich eft er wist
hwet er seach ef weidreamd wier yn himsels. Ynienen, wylst hja hjar wer
foaroerbûge scoe oer hjar bakje, skokte hja oerein en seach mei stoarre
eagen nei Sjoerd; gjin forweginkje ûntkaem hjar mear, hja miende det er
glimke. In telmennich laei er sa, syn eagen stadich hinne en wergeand
twisken hjar en it finster; do makke er syn hân frij fen de tekkens, en
wiisde, yet glimkjend, nei bûten, dêr’t bûrman syn kat, earweardige
âlde sipert, noartsk en gysten, yn ’e finsterbank syn wiettige
foarpoaten út to skodzjen stie. Hja gyng oerein al staetten de lea hjar
oan, rôp yn de doar mei in triljend lûdtsje fen „poes,” naem de kat
dy’t op hjar tadribbeljen kaem, yn hjar earms, tôge him mei yn de
keamer en sette him del by de kachel; Sjoerd syn eagen folgen hjar
glânzgjend, effen knikte syn holle. Hja hâldde it nou net langer út en
roun wer nei it bêd; griis en âld, hiel âld, stie hja dêr yn de
omlisting fen de forsliten wite gerdyntsjes, dy’t hja lang lyn to jow
krige hie en nou fen ’e moarn skjin ophongen. Hy seach nei hjar mei in
glâns fen ljeafde yn syn nou wer ljochte eagen, do lei er syn meagere
hân op hjarres dy’t hja om de bedsplanke slein hie. „Beppe” sei er
sêft; al syn ljeafde, èn de blidens fen it werfinen laei yn dat stille
wird.

Der loek hjar in flues foar de eagen; hja fielde det hja der hinne sige
koe, sa sloech de oandwaning op yn hjar hert. Mar hja tocht oan him en
wraksele it werom mei in triljend forlûken fen hjar mûle; do lei hja
hjar holle mei it tinne wite hier tsjin syn wang, en neamde syn namme.
In toarn stie hja sa, oerbûgd nei him, stridend om hjarsels to bliuwen,
det hja de greate fiere frede fen it earste forstean net brekke mocht;
do liet hja him wer, hja seach det er syn eagen tadie as om wer to
sliepen, en teantsjend fordwoun hja út ’e keamer en joech hjar nei it
kelderke, dêr’t it skrousk wier en wiettich, mar dêr’t hja, in âlde
omslachdoek om de kliene skouders, wer frij siet to skriemen, in ûre
lang wol, for it earst sûnt hja Sjoerd nei hjar nomd hie.

Stadich, sûnt dy dei, kaem er wer ta hjar libben werom. Folle wirden
waerden der net sein twisken hjar: mei de eagen forstiene hja mankoar
genôch, en beide fielden hja ek det de greate heimnissen dy’t de lêste
tiid macht hawn hienen oer syn libben, to swier wieren om opnomd to
wirden yn de brosse tearens fen hjar uterjen. Earst ek wist Sjoerd net
folle; it wier him as kaem er út in frjemd skier lân, oerhongen fen
ûntrochkringbere dizen, en elts bisiikjen der mei de krêft fen syn
tinken yn werom to boarjen, helle ûnklearens foar syn eagen, mei de
eangst det er, troch him wer yn to libjen yn dat ûnsizlike, dy krêften
wer loslitte scoe oer syn twiivlich libben. Hy ûntwiek it, kearde it yn
syn dreamen fen him wei, fielde yn dy dizigens in forhoalen bidriigjen;
wylst de lytse dingen fen syn jongesjierren wer yn him to libjen kamen
en lytse bifinings fen skoalle en bûtenlibben nou klear yn syn geast
forriisden, bleau fen de tiid ôf det Anne yn syn libben komd wier alles
tsjuster. Simstiden wier it him wol, as skynden út dy driigjende wolken
in pear kleare strieljende eagen op him yn, en in fielen fen hwet
suvers en greats skeat effen troch syn ôfkearigens, mar it tsjustere
wêzen fen de spoeken oerdiek it wer maklik, en hy kearde him wer nei
feiliger tiden. Minke dy’t it net maklik wier hjar yet yn sa fier
forline werom to tinken, al hearde hja mei stille ljeafde nei syn
praten, binijde hjar in kearmennich det er hjar frege nei minsken út it
doarp, dy’t sûnt syn jongestiid al lang forstoarn wieren; do’t hja it
him sei, skodde er mei de holle en tocht yn stiltme nei. Hy dy’t
ûnwittend sa wraksele hie mei de dea, fielde it stjerren nou as hwet
frjemds en ûnwiers, en forstie net ho’t it sa’n spjalt bringe koe yn it
libben fen de minsken, en gûnt dy’t men ljeafhie, fen yen weinimme.


Op in moanneljochte joun yn Maert, det nei in wyn-trochrûze striidhafte
iere-maitiidsdei de loft wer opskjinne en de útinoar sleine wolkens
mijen weiflechten nei de ein fen de ierde, kaem der for it earst in
omtinken oan hwet er lêst foar syn sikens bilibbe hie, wer yn Sjoerd
syn geast to libjen. Hy siet foar it finster dat nei de blikke seach,
foar him út to stoarjen, allinne; Minke wier de bûrren yn for in pear
boadskippen. De lampe dy’t op west hie, hied er dwêst do’t er, mei in
fen siden kearen fen it finstergerdyn, de wyt-suvere glâns bûten
triljen sjoen hie oer pannen en beammen, hy hie in stoel nei it finster
helle en siet dêr nou to tinken, bleek en formeagere, it moanneljocht
delsigend ek oer syn smertlik antlit. Der wier in frjemd ûnklear fielen
yn him dat syn hert lûd slaen die as scoe der hwet yn him brekke; hy
fielde him swak en forslein, sels by dizze striidleaze wijing dêrbûten,
en tocht det syn sikens him alle krêft sà weinomd hie det er nou
warleas oerjown wier oan it wrede boartsjen fen alle greate en
ûnneambere krêften om him hinne. Hy kaem to tinken oer it bigjin fen
syn sikens, dy frjemde grizige tiid dêr’t er yet nea yn trochkringe
kinnen hie, en ynienen wier it him, wylst syn hert yet fûlder bigoun to
bounzjen, as boarre der ljocht yn dy grizens, as scoe er aenstouns wer
witte. It swit kaem him op e foarholle, mar mei hwet fen it
ûnmeilydsume sels-pleagjen wer yn him fornijd, boarre syn tinken
fierder.

Hy wist det syn sikens him bûtendoar oankomd wêze moast ek sûnder det
er forstie, hwêrom dêr. It trof him, det men him nea thúsbrocht hawwe
koe yn de klean dy’t er nou oan hie, dy’t him frjemd liken en Minke
faeks jown wieren wylst er siik wier; en hy tocht det as er dy âlde
klean yetteris sjen koe, dêr’t dat frjemde him yn oerkomd wêze moast,
stadich it witten fen hwet nou yet skier wier, weromkomme moast.
Triljend stiek er in kjers oan en him swier fêstklamjend oan de
treplining sleepte er him nei de souder, dêr’t it biwarplak fen de
kleanspillen wier en dêr’t Minke sliept hie ûnder syn betterjen. Ek dêr
foel de moanne yn wite flakken troch it dakfinster yn en it forwûndere
him, sa klear en suver alles hjir nou wier, wylst yn syn tinken de
souder yet jimmer in sté fen binearjende heimsinnigens bleaun wier. Hy
seach de folle moanne dy’t nou foar it dakfinster forskynde yn hjar
antlit en it wier him frjemd, sa treastlik en sêft hja nou like, it
wier as rûze der wetter sêft yn syn earen wylst er omheechseach nei
hjar silveren glâns. Do die er de doar fen de âld kleanspine iepen,
sloech in âld gerdyn fensiden dat Minke yet oer de kleanspillen hinne
hongen hie, en seach.

Mei de foarste eachopslach hied er syn swalkersspillen weromfoun: de
fealich-brune kastúsjekoarden broek, dêr’t er fen ûnderen de tsjokke
skiere sokken oer plichte hinne to dragen, de âlde op ’e earmtakken
bilape jas, de grize das dy’t er yn in knoop ûnder syn kin plichte to
slaen, de greate swarte pet mei de brede klep en it brune foer—alles
hong dêr lyk hy it sa faek om en oan hawn hie, skjinner nou allinne en
neisjoen troch Minke hjar soargjende krektens. Hy seach himsels wer
swalkjen mank de ûnlijige hjerstige kriten, seach it riljende riigjen
fen it skom tsjin de bislantere dykskanten, seach de wolkens great gean
oer de loft en tocht do om sa’t er dêr nou stie, forswakke, krêftleas
amper, mei bitrienne eagen, en in heal witten yn him det er nea wer rou
en rûch as in stoarmich natûrbern yn dy forlitten romten omkruse scoe.
Hy sloech de eagen del en seach omleech yn ’e spine; hommels skrille er
fen eat dat der laei ûnder syn egen klean, dat himsels nea ditsen
hie—nea, nea?—it laei dêr as yn de swijende rêst fen de dea, en it wier
as slomme der eat wûnders en heimsinnichs ûnder. Mei in gearfetsjen fen
al syn krêft yn in great selsbitwang, dûkte er him, tilde it omhegen,
hâldde it yn syn hannen: in greate blauwe omslachdoek lyk men by
hjarres op it doarp net droech.

De skimer fen it forline briek, en út ’e spjalt kaem in bloeijend
antlit nei foaren, de strieljende eagen djip twingend yn sines, yn hjar
great en suver langst dochs yette triennen blinkend op hjar wangen. As
seach er yn de oare wrâld, sa stoarre er foar him út, syn hert
bounzjend fen de silligens fen syn sterk wer rizende ljeafde en de
flymjende wanhope det hja him forlitten hie, for ivich. Sims sloech syn
ljeafde heal oer yn hate as er fielde ho’t hja him ûnskiedber oan hja
forboun hie en det er, bleau er libjen, tonei folken en wrâlden
ôfswalkje moast, omdôch, om hjar yet ienris werom to winnen, hjar dy’t
him forskynd wier as in slach fen sinnegoud dy’t syn hjerstige eagen
bline en do’t er wer sjende waerd, al wer fordwoun wier yn ’e fierens;
den, as er sa tocht, seach er hjar antlit wer foar him yn de drôvens
dêr’t hja de joune yn ta him komd wier, en hy forstie det it sa moatten
hie, det ek hja dêrûnder lijde sa goed as him, pynliker en ilindiger
faeks yette ûnder hjar rou en skamteleas folk, dêr’t hja fierder mei
libje moast. Noch oerwâlle de frjemdens fen it weromfoune forline syn
tinken, mar linkendewei waerd er wis det it him net mear delslaen scoe,
det er foar de iensumheit oer stean koe ek mei it neitinken oan dit
wûnder; in djip en wiid fornoegjen kaem yn him to libjen om de skientme
dy’t alteast ien skoft sines west hie, lein hie oan syn hert en syn
lippen patte, en yet wylst er dêr stie mei it teiken fen hjar gearwêzen
yn syn hannen, wier it as wist er syn libben hillige, as wier er nou
ryp for hwet hegers.

Dy joune do’t Minke wer thús wier en hwet by it lampeljocht siet to
formeitsjen wylst hy wer op bêd laei en yn in wiid en fredich gedream
nei it stil biweech fen hjar dimmen en tinger âld lichumke seach, tocht
er det hy nou wol gau stjerre scoe. Yn syn suver hert wier de
oanbidding for in heechst en hillich bistjûr jimmer libjen bleaun, en
nou, troch syn sikens yet mear ta in from bitrouwen keard, tocht er det
God him libje litten hie oant nou, det er yet krêft hawwe scoe syn hiel
bistean to oereagjen ear’t er roppen waerd nei de fierten dêr’t nimmen
út weromkomt. It binijde himsels, nou’t er yn dizze forklearre frede
hiel syn stoarmich bistean wer trochlibbe, ho stil en suver dat
allegear like to stean yn de wijing fen dizze dimmene joun, en det oer
neat in djip en wreed witten fen skild him barnde. Wylst er nei Minke
seach, tocht er ho sûndich hja him achtsje scoe as hja alles wist fen
syn bistean, as hja wist ho en mei hwa’t er syn iensumheit dield hie;
hy glimke by dat bitinken en hoechde mar fen hjar ôf to sjen en yn
himsels to libjen om to forstean hofier sûnde dêrfen wier. En wylst er
sa syn dreamen en tinzen weve forstie er it wûnderlike, det wylst hy sa
syn part like hawn to hawwen fen hwet der op God’s ierde as ljeafde
bistiet, hy wis wier dat nea sa ûndergien en bilibbe to hawwen as de
ljuwe om him hinne. Lyk as de sé de ûnhurens weispielt fen de ierde en
de minskheit skjinmakket fen hjar skild yn it suverjende streakjen fen
syn weagen, sa hie syn sikens de ierdske skynkant weinomd fen syn
bistean, en syn dieden stiene foar him yn ivichheits-ljocht, net langer
forwitend noch oankleijend noch lofsjongend, mar yn de swijsume
bisletten harmonije fen de needwindichheit. Wylst syn fingers stil
omtiisden mei it lekken oertocht er mei tichte eagen alles fen syn
bistean, oant er him weisinken fielde yn de ûnwittendheid mei allinne
de glâns fen twa djip-skinende eagen mear oer sines en yn in heal
ealgjen det er fiere blauwe streamen oer sile scoe.

Dit wier de foarste nacht det er wer djip, soun en rêstich sliepte;
Minke dy’t al bliid wier det er sa syn rêst weromfoun hie, seach de
oare moarns mei in stille tank yn hjar eagen det der wer in sêfte glâns
yn syn eagen bigoun to strieljen. Hy praette wer as altiten en sims
hast fleurich mei hjar, ynienen mirk hja det er nou wer alles wist fen
foar syn sikens, en hja frege mar neat, hwent hja wist, it libben hie
him nou forgoed werom. Fen dy moarn ôf gyng syn betterjen hird en in
stille iere-Maitiidsdei det de loft skjindreaun wier en de sinne stil
en as yn djip witten fen hjar plicht de knoppen beammen en hagen
útskynde, det de kouweblommen al moai en wyt yn de blikke stiene en de
ierde wekker waerd út hjar dreamerijen en hjar ûntjoech, trape Sjoerd
for it earst de doarpsbûrren wer lâns. De Maitiidssigen fage him stil
om de holle, koel en klear yette, en hy wier hwet licht, hast dûzelich
fen it nije ljocht en de jonge wyn om him hinne. Dochs joech er him de
strjitwei út oant it sté dêr’t er hjar dy’t nou oer syn hiele libben
stie, moete hie for it earst en stie dêr in skoft lang to stoarjen,
drôf en dochs binijd det hy dy’t sa maklik en gau skriemde, nou net
gûle koe. Do gyngen syn eagen oer it lân om him hinne, hy seach it
opkommende grien mei de trochstippeling fen it blommegûd as in waerme
flewielige tekken útspraet oer de ierde, hy hearde boppe syn holle
fûgelgûd risseljen en tsjotterjen yn de strjitwei-beammen, in ljurk
stie to jubeljen yn de hege loft, en hy neamde de namme fen syn
ljeafde, de wûndere ryklûdige, en it wier as wie’ hiel de ierde mei al
hjar opkommende skientme dêryn bifieme, as laei syn ljeafde as in teare
ljochtsjende glâns oer al de dingen fen it ierde-libben om him hinne.

Mei de Maitiid waerd der in wûnderlik ryk libben yn him wekker. Wylst
er by de dei oansterke en syn lichum wer hwet fen de âlde bloeijende
krêft weromwoun, al wier er yette gau oan de ein, wylst er wer bigoun
om to pielen en licht wirk die, kaem der yn syn tinken in nije frjemde
klearens dy’t ersels net bigriep en sims heal bang fen waerd. It wier
him as wie’ oant nou ta al syn klear sjen forsmoard yn syn selsstriid
ho’t er dy ek oerwinne en ûnderbringe wollen hie, as hie syn swier
libben him earder nea de dingen sjen litten yn hjar egen strieljende
klearens. Hommels bifoun er det ek it lytste, faek krekt it lytste,
opnomd wier yn dy stilie djippe moaijens, hy bigoun him to hechtsjen
oan dingen fen lytse weardij krekt as er dat Minke wol dwaen sjoen hie,
blommen waerden him ljeaf en it fiere sjongende lûd fen in fûgel. Hy
bigriep neat mear fen himsels, tocht det syn sikens him sa makke hie,
weak en hwet al to fynfielend, waerd sims lilk op himsels, bisocht,
allinne út in oandriuw fen eangst for dat nije ûnwittene, hwet fen syn
eardere hjerstige rouwens syn libben wer yn to heljen, mar it mislearre
grouwélich. Op ’t lêst joech er him oer, willich en yn myld bitrouwen,
en joech syn fielings en dreamen frij oer syn geast, der moast den mar
fen him komme hwet woe. De libbensfornijing fen eltse jonkheit bigoun
syn great wirk wer oan him, dreau de âlde minske út en naem wer in
flues fen syn eagen wei, en fen de hjerstige joun do’t de ljeafde wier
komd wie’ yn syn bistean, like him in nij fjild út to rôljen, ljocht,
trochsongen fen nije ûnthjittings, fen nije strielen oertrille: it ryk
fen Mariëtta.


Wiid en djip laei de griene simmerwrâld, de sinne lake oan de loften.
Sterk en rêstich libbe de Natûr nei de heechtiden fen hjar bloei, hjar
krêften mear en mear ûntfâldzjend nei’t de libbenssappen hjar machtiger
trochstreamden. Oan de loft wier in great gespegel fen flûnkering en
glâns, fen de iere moarn det de sinne út pearel-fluzen forriisde en
fiere oranjestreken weipylke yn de loft oant it lotterjende kleare
ûndergean yn jountiden fol forstille gloede en teartintich weistreamend
ljocht. Hwet op ierde bistie, dielnimmend oan it prieljende
ljeafdesfeest moast rize, bloeije, iepengean for ljeafde; it hie gjin
kar, it wier de ljeafdetiid fen de geast dy’t de wrâld trochrûzet sels.
Fordildich yn de swiere blikkerglâns fen de sinne oer hjar pannen
leinen allinne de pleatsen yn ûnforweechlike stiltme, mar de âlde hôven
dêromta, de hege beammerigen, krûd en gers, alles bilibbe, forjonge,
nije glânzgjende ljeafde; de pittige hearook dy’t hein en fier om it
doarp to fornimmen wier, makke de loft fol fen in streakjende swietens,
it aroom fen de rounom opstreamende libbenswyn.

Neat is swierder for de folkrêftige minske as dizze tiid yn in
optwongen neatdwaen suver to trochlibjen. Mar, de goaden fen simmer en
rispinge tank, it wirk is dêr, it greate driuwende dat de minske yn
bislach nimt, de krêft fen syn spieren spant, syn oerrinnende
wirkdiedichheit bynt en him mêd makket, det er de jouns yn in koarte
kleare stiltme de sliep biidzje kin en mei de moarn him wer feardich
rist ta de dei. Nea libbet de minske krêftiger en mear de âlde
strieljende goaden lyk, as hwennear de simmer útflûnkeret boppe syn
holle en oan syn foetten, en er himsels yn strang-twingende bihearsking
hâldt mei it oerjaen fen syn krêft oan it rispingswirk. Hwa’t op in
Sneintojoun op it efterhiem komt fen in Fryske pleats as de jounwyn al
oansiicht en de sinne-skimer in dreamige glâns bringt yn de eagen fen
it folk en de pear mieren dêr sjucht dy’t de Sneins oerbleaun binne
om’t hjar wente to fier laei, en ien fen hjar ef de feint spilet in
mennich folkswizen op in swiersettige harmonika en de oaren, yn it gers
ef op in tiksel fen in heawein sitte del en harkje yn stiltme, dy
forstiet hwet dêr libbet djip yn it herte fen dit folk, dreamen, fiere
forhopings, stille ljeafden, al de tiden fen it jier slomjend ûnder de
twadde natûr fen de ynbannichheit, mar den, den allinne, him dimmen
iepenbierjend. Simmer makke de krêften los út ’e skatkeamers fen it
herte, it wirk hold hjar yn bitwang, jountiid brocht de wijing, en de
siele fen Fryslân stiet dêr en tilt hjar sêft yn in ljocht fen
ivichheit.

Yn dat ljocht libbe ek Sjoerd dy bloeijende simmermoannen. Alles like
him sa klear en nij, hy hie it nea earder sa sjoen. Hy stie wer yn it
wirk en ûngetide nou mei; de spierkrêftichste lyk as eartiids wier er
yet net wer, sims, yn de sinne ef as er him krekt efter in reak deljown
hie mei de oaren om to skoftsjen, skeat him noch in lichtens troch de
holle det er effen de hân foar syn eagen brocht, mar eltse dei, fielde
er, kaem er wer fierder, hy wier it wirk wer treast. Der bigoun wer in
sêft lok yn him to skinen, it libben waerd him wer ljeaf. It wier as
bigriep er nou folle dat er oant dy tiid jimmer mei fiere eagen
foarbygien wier, as krong er djipper yn de bitsjutting fen it libben,
as kaem it tinken det alles ta’n goede sa biskepen wier, sterker en
klearder yn him to libjen. It trof him det hast alles moai wier as men
it mei ljeafde bineijere, en de tiid det er sa tichte by de grins fen
it libben omdoarme hie, hie him de ierde en hjar rykdommen oars en
heger forstien dien as er earder faek tocht hie. Mar it greate, it
wûnderlike fen syn libben wier dizze tiden dit, det hy de dingen learde
to ûnderskieden nei hjar skientme en weardij: as stie der in swijende
hege keninginne oer syn libben oan hwaens eagen allinne er de
rjuchtlikheit fen syn dwaen en tinken wist, sa teach in great part fen
hwet er seach en tocht wer fen him wei as suvere skyn, en inkelde
dingen wieren der dy’t bleauwen, dy’t genede liken to hawwen foar hjar
ûnderskiedende eagen, en dy dingen makken him ryk. Hy wist sels hwa’t
dat wier, mar gjin langst dreau him mear nei hjar ta; hja wier opnomd
yn, diel wirden fen syn libben, syn hert seach troch hjar eagen, hy
wier net mear deselde fen earder. It ûnneambere smertlik gebeart en de
ljeafdeglâns fen hjar eagen dêr’t hja ienris mei nei him komd wier,
makken hjar yn syn tinken in hillige, dy’t bitingsteleas hjar
hillichste oerjown hie oan syn ûnwittende rouwens, det syn hiele
bistean der troch wijd wirde mocht.

It wier sa frjemd; hy wist him nou, ek dêrtroch, hast in ivichheit ôf
fen de sljuchtwei minsken om him hinne, dy’t nea gjin aen fen soks hawn
hiene, dy’t him húnd hawwe scoenen as hjar dit fen him trochdien wier,
en dochs kaem der twisken him en hjarren safolle mear forstean as der
ea west hie. Hja hiene gjin argewaesje mear fen him, hja wisten det er
oars wier en faek ûnbigryplik, mar hja tochten net folle mear om hwet
west hie, hwent hy wier nou alle dagen mei hjar, stie nêst hjar yn de
rige, en hy like hjar froed en helpfeardich. Sûnderdet er hjar
frjeonskip socht, stoar syn foriensuming him ôf; en it barde nou sims,
det ien fen hjar, in feint hwaens forkearing útrekke wier, in troud man
dy’t swier yn soarch siet oer syn húshâlding, as dy allinne wieren mei
him, bigoun to praten fen dingen dy’t hja nimmen oars sein hawwe
scoenen en hjar hert útstoarten. Hy foun nou neat deistichs en
ûnweardichs mear oan hjar libben, it like him great. Hy wist yn himsels
det hja tsjin oaren hjar net oer soks loslitte scoene, det sokken him
hjar soargen seinen út in heal forhoopjen det hy dat forstean scoe,
dêryn nêst hjar libje en hjar treastgje. Den spande er himsels yn, hy
sei net folle, mar socht nei sokke wirden dêr’t er wis fen wier det dy
yn hjar earen neiklinken bliuwe scoenen op hjar paed hûsta en as hja
wer antlit foar antlit foar hjar soargen oer stienen. It foel him hird,
hy bigoun to sjen det de libbensstriid swier wier, en de oerwinning
moeisum, mar hy koe hjar alteast hwet sizze fen de rêst dy’t er woun
hie for himsels, fen syn djip en klear libbensbitrou, en dat wier
folle. Hy learde de heechste weelde forstean, dy’t is oarljuwe leed fen
hjar skouders to nimmen en se sels fierder to tôgjen, en ho mear hy
oernaem, ho lichter en moaijer him it gean waerd, hwent mei de lêsten
naem er hjar ljeafde oer.

Ien stil leed loek de jouns sims om syn mûle gear en glânzge sêft yn
syn eagen: Minke hjar krêften namen nou hird ôf en hy koe witte, det
hja net lang mear libje scoe. De krêft fen hjar ljeafde hie al it âlde
soargjen en sterk wollen fen hjar libben wer yn hjar oproppen salang’t
hjar bernsbern mei de dea to wrakseljen laei; nou’t hja him better
seach, like it eft hjar bisteansrjucht hjar ûntsonk, as wier hjar
libbensplicht forroun. Hja hie dy swiere tiid gâns mear fen hjarsels
ferge as hjar hege âlder en bilune krêft tastie, hja hie yn koarte tiid
forbrûkt hwet hjar oars yet in jiermennich steande hâlden hie, en moast
nou gean. Hja wier folle swijsumer wirden, dreamde ûren lang en skrille
den effen wekker om ringen werom to fallen yn hjar dreamerijen, hjar
antlit wier bleek as in wite blom dy’t oan it wylgjen is. Sjoerd seach
hjar stadich ôfstjerren mei in great wé yn syn hert, syn hiele libben
wier gearweve rekke mei hjarres, hy koe him gjin tiid tinke det hja net
diel hawn hie oan syn tinken. En wylst er syn bêst die hjar nou fiele
to litten det hy nêst hjar stie en for hjar soarge en oer hjar wekke as
eren nea, like hja gjin bihoef to hawwen him to meitsjen ta bitroude
fen hjar stil tinken, en wier it as libbe se dizze lêste tiid fen hjar
libben yn in sels-keazen iensumheit.

Do, op in mylde simmerjoun det de sinne ûndergeand wier en yn it
Noardeast it bleek-reade ljocht riisde fen de moanne yn hjar swierens,
det stille glânzen fen forgean en dreamerij de keamer trochtrillen,
like it eft yet ienris it sjen fen hjar forline libben klear waerd en
suver. Hja siet op hjar âld plak foar it finster en it ljocht oerroun
hjar bleek antlit mei de stoarjende eagen en it ynwite hier; Sjoerd
seach det hja trieneage, mar sa stil en roerleas siet se dêrre, det er
de frede fen hjar tinken mei gjin lûd noch gebeart brekke doarst. Hy
hie syn eagen net fen hjar ôf en seach ho’t hja hirder as oars, hast
hymjend, sykhelle en hy tocht om in stjerrende fûgel dy’t er langlêsten
op it haeilân foun hie mei deadseangst yn de brekkende eagen en in
hastich hymjend boarstke; syn tinken die him yet searder, en makke him
hwet bang. Ynienen hearde er hjar syn namme neamen, lústerjend; dalik
wier er by hjar en knibbele nêst hjar del, as yn syn jongestiid.

„Skeelt der hwet oan, beppe?” sei er.

„Ik kin ’t net lang mear meitsje, Sjoerd, ’t rint nou nei de ein” sei
se stil. „Moatst der gjin soarch om ha, ik ha myn part wol hawn, fen ’t
libben en fen soargen ek. Astou mar by my bliuwst oan de ein, den gean
ik maklik. God hat it goed mei my makke.”

Hy woe der tsjin yn lizze, hjar sizze det hja ommers yet skoan in
skoftke bliuwe koe, mar hja kearde him tsjin.

„Né, Sjoerd,” sei se, „wy moatte wier bliuwe, en de wierheit is my net
swier. Mar ’k moast dy noch hwet sizze, detst goed ûnthâlde moatst.
Dostû sa siik wierst, fen ’t winter, do ha ’k bidden det ik dy bihâlde
mocht. Der wier ek wol hwet selssucht by. Beppe hat noait lokkich west,
yn hjar hiele lange libben net, Sjoerd, noait.”

„Hwet woe beppe dermei sizze” sei er forheard.

„’k Ha gâns tocht yn myn libben” sei se, „oer God en myn eigen bistean,
en alles. Wy moatte allegear in egen doel hawwe, tinkt my, sa ha ’k it
altiten forstien. En yn dat doel leit ús lok ek. Ik haw ek wol dreamd
fen lok, as fanke, niis tocht ik dêr noch oan. En ’t is my altiten
foarbygien. En dat wier to dragen salang’t ik wis wier fen dy, do tocht
ik, astou it krigest den hie ik ek net forgees libbe.”

„Hat der den mar sa’n bytsje ljocht yn beppe libben west?”

„Dyn pake stie sa fier fen my ôf,” sei se, noch drôf. „Lolke is to
groune gien, Bearn dea, ik sels ha ’t lêste fen myn libben forbodzje
moatten. Moatst hwet noed fen dysels stean, Sjoerd. Mei safolle
triennen en leed bist greatbrocht. Bisiikje lokkich to wirden, Sjoerd,
en birêst net sa gau as ik. Ik hie mear stride moatten.”

„Beppe” sei er, triljend fen oandwaning, „ik scil de wegen dêrhinne
siikje, en net birêste. En ik fyn it lok wol, beppe, ik wit it. It is
my net frjemd mear, ik haw it hawn. En ik wit det ik it nea mear kwyt
wird.”

In wike letter, in like stille en kleare nacht, laei hja yn de ivige
rêst yn de wensté dy’t de greate helte fen hjar swier bistean ynhawn
hie; in suver stil byld fen frede dat de siele striidleas forlitten
hie. Dy hiele nachts wekke Sjoerd dêrre by de twiljochtskyn fen moanne
en stjerren. Hwet fêstens, hwet ûnforwrigbers laei der om syn mûle en
syn eagen seagen stoar foar him út; de earmtakke lynjend nei syn
knibbel, de hân ûnder it kin tocht er, sims smertlik as er him
rekkenskip joech hwerom’t er dêr wier, den wer klearder, wisser, de
krêft fen syn jonkheit hearber yn syn ieren. Fier út e kimen weve in
ûnsjenbere greate forskining neijer, dêr’t neat fen waernimber wier as
it ljocht dat om hjar taweve en it sterke rûzjen fen hjar wjukslach
dy’t de loft suveret fen hwet lyts is en dompich. En hy neamde hjar
namme „Frijheit.”




VIII.


In wike nei Minke hjar to hôf bringen forliet Sjoerd fen nijs it doarp
dêr’t er greatbrocht wier. Hy libbe dy dagen sterk ûnder it tinken dêr
wei to moatten, en wist sels it hwerom net klear. Syn djipste libben
hie sûnt syn weromkommen ûnder tsjinst wei nea mear to meitsjen hawn
mei syn deistige omkrite, allinne Minke wier dêr as de skeakel twisken
de oarde fen syn jongestiid en himsels. Nou’t hja forstoarn wier, mirk
er ynienen ho frjemd alles him dêr wirden wier. De wenten dy’t dêr sa
âld-biwend hinne stienen, krekt forstive yn de aldeistige rin fen it
doarpslibben, de toer mei jimmeroan itselde let dat hommels neat mear
like to neamen as jimmerwer deselde hieme wierheit, de minsken dy’t him
metten op ’e doarpsbûrren, kinden allegearre en allegearre it langjen
fen syn herte frjemd, it hie him yn syn foriensuming neat mear to jaen.
Hysels wier net rikernôch om dat allegear diele to litten yn de sêfte
gloede fen in lang-optaeste ljeafde, hy moast gean, om de wil fen syn
libben sels.

Do’t er nei de lytse prakkisaesjes fen it to jild meitsjen fen Minke
hjar spillen, syn siikjen om in tsjinst as feint en de bistellerijen
wer yn himsels ta klear tinken kaem, foun er him to tsjinjen op in
steatlike tsjûk yn beammen steande pleats, in ein fen de rydwei ôf mids
de romten fen it lân, in lyts heal ûre geans fen it tichtst by lizzende
doarp. It wier in frjemd en ûnwennich libjen dêr earst yn dy
iensumheit, in swiere stiltme yn it roun dy’t woech op ’e pleats en de
lannen, hwet ûnneambers dat de lûden dwêstte en sang net opklinke liet.
De greate keamers fen de foarein leine stil en swijsum, noeder fen
skatten út forline jierren, forhoalen dreamend yn it greate skaed fen
de swiere linebeammen; it hôf, eartiids mei soarch oanlein mar min
ûnderhâlden, bloeide mei in wyld forskaet fen fruchtbeammen, wylde
blommen en forwyldere siersoarten; de mantel sleat ticht, as in mûrre,
mei heechgeande beammen en trochwoechsen strewellegûd om pleats en hôf
ta, en dêromhinne roun in grêft, wiid mar for in goed diel mei flaech
oerditsen. Alles dielde dêr yn dy frjemde ûnforklearbere dream-stiltme,
en as de faem, iennichste dy’t hjar jonkheit dêr as in wille forstie,
lake tsjin de lammen en keallen, like der in rûzing to gean oer de
beammen en it leger grien, det it dryste libben hjar dream-bistean dêr
sa to steuren kaem.

Dat libben hie him ek meidield oan de minsken dêrre, hja liken
allegearre ta de stiltme ynkeard, útsein de faem dy’t der wier om in
skoan stik jild to fortsjinjen en dy’t by hjarsels útmakke hie, det se
hjar net neargeastich meitsje litte scoe. De foarste pear kear do’t hja
mei Sjoerd as nijkommene oan tafel sieten, diene de boer en de sister,
dy’t by him wier om de húshâlding to lieden, gâns war om it pratende to
hâlden, mar mei gauwens joech Aysma it op en allinne de hwet skerpe
stimme fen de húshâldster bleau inkelde kearen klinken. Stiltme wier
Sjoerd ljeaf, hy koe dêrtroch folle mei himsels allinne wêze en fen de
oaren sa stadich nei him nimme as er sels oanstriid ta hie, mar oan in
fielen fen iensumens en ûnwennigens ûntkaem er, Minke hjar bitroulike
húslikens wend, faek net. Mei in pear wike bigoun er him to
forwûnderjen oer de minsken dêrre, hy sloech se mear acht en
linkendewei waerd it him, as wier er oerplante yn in fiere frjemde
wrâld, oars as dêr’t er oant nou yn forkeard hie.

Anke, lyk de boer hjar neamde, syn sister, wier it maklikst hichte fen
to krijen. Hja wier in rizige frou fen by de fyftich, de tingere kant
it neist; hjar ovael antlit mei de lange rjuchte noas en hjar to greate
mûle dêr’t as hja praette de sterke geve tosken fen to sjen wieren, hie
net folle út to lêzen west, as de greate dûnkere eagen dêr net sa
ljocht en skril yn libbe hienen. Dy tsjinstridigens fen yn hjarsels
kearde steatlikheit dêr’t in bangige ûnrêst trochhinne ljochte,
iepenbiere hjar yn hjar hiele wêzen: it effen griizjende hier, dêr’t
gjin inkeld hierke oerhearrich by lâns foel, mar dêr’t hjar smelle
bleke hân gau ris foar lâns skeat yn petear, wylst de glânzgjende eagen
effen sleaten; hjar stil foar hjar hinne sjen oan tafel en de selsum
fordreamde rêst as hja in boek yn hannen hie en hjar rimpen oereingean
det hja sims tsjin de tafel oansteat. Allinne hjar klaeijing wier ien
gehiel: dimmen, swart, ing slutend; dat wier fen hjar tsjinstridige
aerden wol de sterkste. Mei gauwens wist Sjoerd, det dy ûnrêst hjar
earst op ’e boerkerij oankomd wier, dêr’t it wol hiel stil omgyng mar
dochs gâns for hjar opkaem; hja hie hjar hiele libben wol weidreame
wollen, mar hieltiten skrille hja fen it wirk fen út hjar rêst
towekker, en hja wier tige plichttrou en krekt.

Boer Aysma sels wier yet evenrediger en gyng for in bêst man by it
folk. Syn blauwe eagen ûnder de grize wymperbôgen seagen hwet wémoedich
foar him hinne; syn libben hie net folle sinneskyn ynhawn, yn it tredde
jier fen syn boask al wier syn frou him ûntfallen, en sûnt hiene de
beide bern syn hiele libben útmakke: sibben noch kinden hiene folle by
hjar de rin. In moaije feardige man wier er yette, foarser as syn
sister en folle ljochter, mei hwet mimerjends om syn mûle en yn syn
eagen, stadich yn syn hiele hâlden en kearen, swijsum yn de omgong.
Jouns stie er faek by de homeije to eagjen nei de púnwei oer, wol in
ûre ûnforweechlik hast, de fierte ynstoarjend as rette er dêr it lûde
biweech fen it libben dêr’t hy hiel, hiel fier út it biskûl fen syn
pleats, in blinkje fen ealge. Hy wier hwet weak, hearde greate
forliezen oan mei effen in lûken oan ’e skouders, mar trieneage as in
bist út syn bislach siik wier en lijde. Sjoerd fielde, djip yn syn
hert, sims in bytsje lytsachtsjen rizen oer de man dy’t sa de middels
hie om for master op to slaen en sa dimmen en swak foar it libben oer
stean bleau, mar hâldde in bult fen him, lyk yn Fryslân it sizzen is.
Sels hie er sà nea libje kinnen, ek nou wier de striid yn en tsjin it
libben him ljeaf bleaun, mar hy forstie hwet fen dy fiere ûntsjutbere
wémoed, dy’t út ’e natûrdreamen fen in skiedende simmer yn it wetterlân
yn it hert fen ús folk liket oerwaeid to wêzen, en hy hie dos earbied
for him.

Fen de beide bern, Esther en Liuwe, gyng de dochter earne yn Hollân to
learen; Sjoerd hearde hjar namme sims neamen, krige in kearmennich in
brief fen hjar oan hjar sibben fen de post oer, mar fierder wist er
neat fen hjar; Liuwe wier mei yn de boerkerij, gyng mei Sjoerd yn
bûthús en skoerre om, praette mei him, sunich fen wird, oer it wirk en
like in earnstige stille jonge. Frjemds oan him wier der neat as syn
for syn jierren hast ûnnatûrlike earnst, rêstiger as by syn moeike,
sterker mar ek skadiger as by syn heit, en dochs naem er mei in
deimennich Sjoerd syn hiele tinken yn bislach, sa det er him yn it wirk
mei syn eagen hast net losliet en jouns op bêd noch in set oer him laei
to tinken. Hy waerd it gau mei himsels iens det er neat fen Liuwe
bigriep, det er him net trochgrounje koe ho’t er syn skerp-ynkringende
ûnderskiedings-formogens ek spande. De feint dy’t nêst him arbeide en
út in frjemd doarp komd wier, fielde hwet Liuwe syn egen sibben net
liken to sjen: det dy ûnbrekbere ynbannichheit syn djipste wêzen net
wêze koe, det it in oannomde hâlding wier om himsels to forbergjen ef
it meitôgjen fen in riedselich leed dat him net mear ginde to laitsjen.

Mei gauwens forgeat Sjoerd hwerom’t er by de boer komd wier, ûntdreau
him it fêste neitinken oan Minke, naem it libjende riedling fen Liuwe
syn tinzen alhiel yn bislach. Syn egen wêzen dat amper út himsels wist
hwet ynbannichheit wier, dat him steure woe noch koe om de bûtenwrâld
fen minsken, him útlibje woe al scoene hja him derom stjinnigje, stried
rjucht tsjin Liuwe syn bislettenheit yn, en sûnder det de lêste it
wist, bigoun Sjoerd in úthâldende striid om Liuwe yn it wêzen to sjen.
Hwet him dreau, wist ersels net; hy ealge heal det dizze frjemde jonge
as er him ienris koe, hwet greats wirde koe yn syn libben, mar it wier
foldwaende det der immen yn syn omkrite wier dy’t er net bigriep. Liuwe
gyng syn wei as altiten, syn eagen seine neat, folslein neat—en dochs
moasten hja brânne en flûnkerje kinne, dy grize djipten, as syn djipste
wêzen to libjen kaem—, syn inkelde wirden hearden klear, nimmen wier yn
syn dwaen sa wis as him, en eltse kear det Sjoerd him wer seach, jouns
nei it wirk as er stil siet to lêzen it meast, sloech it hoar yn him op
det dat allegear ljeagen wier.

In pear dingen kaem er mei gauwens to witten, en hja brochten him in
bytsje fierder. Liuwe wier net sterk, it wier yn it wirk to merken. Hy
hime gau, en ienris liet er him ûntfalle det er net hird rinne koe; mei
syn spieren koe er gâns, mar syn boarst wirke tsjin—Sjoerd seach it, en
sûnder der om to tinken bigoun er alles foar de oar wei to nimmen, det
dy sterk ynspanne koe. In skoft letter fornaem er oan de frou, Anke,
hjar praet det Liuwe leard hie, yn Hollân, yn deselde stêd as dêr’t
Esther nou wier, mar det er mids yn syn stúdzje weromkomd en wer yn de
boerkerij tein wier. Ynienen skeat it yn Sjoerd op det dêr yn ’e
frjemdte hwet bard wêze moast dat Liuwe sa makke hie as er nou altiten
like, hwet ûnbigrypliks en skrikliks, en hy dreamde dy nachts bang. It
tinken forliet him letter nea wer, hy fielde det it sa wêze moast,
sûnder to witten hwerom.

Op in moaije hjerstneidei det Sjoerd hwet yn it hôf to birêdden hie,
kaem it frjemdste. Djip yn tinzen oer syn siikjen de lêste dagen en mei
syn hiele oandacht war dwaend, dêr yet hwet mear út ôf to lieden,
skrille er ynienen op fen sêfte, streakjende toanen, tear en yn hjar
lytste trilling hearber; immen spile fioele. Mei al syn opmerksumens
harke er fierder; it hert bigoun him to jeijen. In wolken fen lûd like
der oer it hôf hinne en wer to gliden, sims stil glânzgjend fen
dreamerij en bliid oantinken, den rûzjend en triljend as in fiere
klachte fen de wyn, oant it lûd driigjend oanswolde en it hiele hôf
oerspraette mei de wyldens fen needlots-woedzjen, swier, brekkend,
ûntsettender en wylder; den rûze it skriklike stadich wei yn mylder
oertinken, sims yet grollich yn nou fortsjustere fierten. Do, linkenoan
waerd de klank fen it ynstremint silvriger, bisonkener, sang fen in
fiere dreamende wémoed dy’t de tinzen meinaem nei kriten fen frede
dêr’t de klachte lottere waerd yn oantinken; mar wer riisde it
tsjustere, al mar wer, de flok ynstridend tsjin de fortreasting, hate
opstigerjend tsjin de wémoed, in great en wreed wiksel-boartsjen
jimmeroan yn nije neirûzjende en oanboazjende wolkens fen lûd. Sjoerd
stie dêr; hy wist det it Liuwe wêze moast dy’t spile; hy koe him net
forsette tsjin de stream fen de lûden, hy gyng ûnder yn it
fioele-sjongen, en noch, yn dat ûndergean, bleau er fûl freegjen „hwet
mient er dêrmei, hwet moat dat, hwet bitsjut it!” Hy fielde det dêr de
iepenbiering wier fen hwet er forstean woe, _woe_ mei hiel syn krêft,
en nou kaem hja yn in tael dy’t er net forstie. Op ’t lêst wist er net
mear hwer’t er wier; hy wier sitten gien op in hast omwaeide apelbeam
dy’t yet mei in skoar omheech hâlden waerd; syn holle bidobbe yn syn
hannen, earst trieneagjend, do útskriemend sûnder him mear hâlde to
kinnen, sûnder to freegjen, yn it kleare witten det it sa goed wier.
Hiel it forline forriisde wer foar syn eagen, it doarp mei Anne en
Minke, syn tsjinst, de swarte mounle deun oan it ûnderroune leechlân,
frjemde ûntsjutbere skimen forwegen tsjin in silvrige eftergroun, yn it
formidden de frjemde, ticht by him, al it oare oerhearskjend, nou mei
great wûnder ljocht yn de stoarjende eagen. „Is it in minske dy’t dit
kin?” tocht er ynienen. Hy huvere, fielde him foar hwet frjemds oer to
stean, wier bang. De jountiid loek gear oer de ierde, de muzyk swige,
it waerd hiel stil oer it hôf.

Dy joune stried er by de jounbrogge om him neat skine to litten; it
stoarme yn him, de oaren liken allegear like rêstich. Earst tomûk en
fensiden, stadich mei hwet mear moed seach er nei Liuwe dy’t to lêzen
siet, deselde ynbannige earnst yn syn útsjuch. Do’t er skerp taseach,
like it him det der hwet mear glâns laei as oars oer dat deistige,
tinkende antlit.


Dagen nei dy joune bleau Sjoerd libjen yn himsels, doarst er it net
mear oan, Liuwe nei to gean lyk er de earste wiken dien hie. Hy tocht
nou det yn it bigjin allinne in soarte nijsgjirrichheit him oandreaun
hie sa yn de oar syn bistean ynkringe to wollen; nou’t er ealge hwet
dêr libbe, en er ienris wol net de krekte miening mar wol de greatens
en it wûnder fen de oar syn djipst libjen sjoen hie, kaem der in tige
skrutenens oer him, fielde er him ûntmoedige, ûnweardich, forslein. Syn
egen libben wier to sterk, fearre to gau wer omhegen om lang yn dy
dimmenens libje to bliuwen, mar do’t er de oar wer bigoun to siikjen
wier it net mear om dy hwet heimsinnichs to ûnttwingen mar om’t der
forearing yn him to libjen komd wier, en diel to hawwen oan de
rykdommen fen sa’n bistean him hwet ûnbirikbers mar hearliks talike.
Sims ek, mei syn tinzen werom yn egen forline do’t de stoarm fen it
bloed yn him brûze en hy oan de seam fen minskene kriten forkearde,
fielde er hommels himsels ryk en hast sterkernôch om de oar tomjitte to
gean, mar as er it bisletten antlit mei de ivich swijende grize eagen
wer foar him seach, doarst er neat mear.

In frjemde oanhinklikens foar Liuwe oer waerd yn him wekker, sims in
ûnrêstich bisoarge wêzen as er him hymjen hearde ef wirch seach, meast
in langjen det dy driigjende swijsumens twisken hjar tobritsen waerd,
faeks ek in leed om de oar syn úthâlden fierôf-wêzen. Syn fielen,
frjemd mingsel fen forearing, meilijen en ljeafde skerpe syn waernimmen
yette, en hy wier mei gauwens wis det Liuwe him mei opsetsin ûntwiek en
eltse bitroulikens twisken hjar mijde. Hy wier sims eangstich: scoe de
oar, dy’t hy machtleas wier to trochgrounjen, him yn it wêzen sjoen
hawwe mei de foarste eachopslach en tocht er faeks min fen him? Hy
fielde det dat net wêze koe; oaren, frjemden dy’t earm en tsjuster
wieren yn hjarsels hiene, as hja alles fen him witten hiene, him faeks
smiten mei stiennen, mar dizze dy’t mear wier en wist, moast mear
forstean kinne en better forjaen. Earder leaude er det Liuwe, boeresoan
dy’t leard hie, him ta weismiten kearde om’t er him for neat goed achte
as wirk, neat hie greater kâns as det dat opsetlik mijen it ynstinktive
fielen wier fen it stânsforskeel dat hiel Fryslân forpestet. It like
him frjemd det sels immen as Liuwe dêr yet net oerhinne sjen koe. En
faek tocht er det er himsels alles ynbylde, det de oar mei him omgyng
as mei eltsenien, sletten for de hiele wrâld, dos ek for him.

Op in moarntiid det hja togearre yn ’t bûthús oan it boarnen wieren en
hy mei lege amers fen in stâl delstappe scoe mirk er det Liuwe, dy’t
foaroer to pompen stie, hommels fen kleur forskeat. In gleon read loek
oer syn wangen en foarholle, in pear tellen; do streamde it wer wei en
hy waerd wyt as in deade. De pomp stie mei hwet kreakjen stil, Liuwe
taestte mei de iene hân nei it hert, mei de oare striek er de mûrre
bylâns oant er him delfalle litte koe op ’e bûthúsbank. Syn eagen
gyngen Sjoerd syn kant út as yn eangst det hy it sjen scoe; mar dy mirk
dat net, smiet syn amers del foar de pomp en wier mei in pear tellen by
him.

„Skeelt der hwet oan?” frege er.

Liuwe loek effen mei de lippen, mar koe neat útbringe; der loek hwet
bitters en wylds om syn mûle, as wrokke er dêr tsjin yn. Sjoerd seach
dat effen oan, do krige er in ynjowing en helle hwet wetter yn in lokje
dat er him foarhold. De oar knikte effen mei de holle en dronk, earst
triljend, do rêstiger. Hy kaem wer hwet ta himsels, syn útsjuch waerd
wer lyk as oars, mar syn sikens gyngen noch ûnrêstich en hy doarst him
noch net forwege.

„’t Bitsjut neat, ik ha ’t faker” sei er, yet moeisum. „Ik wol net det
jy der oer prate.”

„Dat is goed.” Sjoerd sei it sûnder him to bitinken, heal bliid det er
de oar to wille wêze koe, heal ealgjend det dy miskien nou noch in pear
wirden loslitte scoe. Mar Liuwe seach foar him del, de lippen stiif op
mankoar, nei’t it like wachtsjend det Sjoerd him wer ôfjaen scoe. Do’t
dy, noch hwet forwachtsjend, nêst him stean bleau, kearde er de holle
hwet fensiden en sûnder him oan to sjen sei er, hird:

„Gean wer oan jou wirk.”

De triennen sprongen Sjoerd yn de eagen fen leed en greatskens. Hy
fielde det er him mei al syn krêft ynhâlde moast, scoe er net rou
útfalle en gekke dingen dwaen, syn hannen rôllen hjar op ta fústen; hie
in oar him soks sein, hy hie de amers derhinne keild en wier foartroun,
nou flime it leed det dizze him sa misjegenje koe, der trochhinne. Do
seach er wer nei Liuwe dy’t him noch net oereinjaen koe, en tagelyk
forstie er de leffens fen him nou hird to fallen.

„Ja” sei er do, en tagelyk kearde er him om, en forfette syn wirk. Hy
mirk det nou’t er tajown hie, de oar syn bittere wirden him alhiel net
hird mear oandienen. Der kaem in klear ljocht fielen yn him, hwet
foldwaning om’t er him witten hie yn to binen en it bigripen, det hy
nou greater west hie yn syn hâlding as de oar. Hy die rêstiger yn
himsels en mei mear bitrouwen syn wirk, hy hie it lokkige fielen fen
net mear de mindere yn alles to wêzen en it wier krekt eft er him
frijer forwege koe, nou’t er de oar ienris foarby komd wier, al hie dy
do ek himsels net west. By it middeisiten tocht er det Liuwe tomûk in
pear kear nei him seach en fen de weromstuit wier it nou himsels as
seach er dat sûnderdet it him folle skele koe, lyk Liuwe him eartiids
hâlden hie ûnder syn achtslaen; net ien fen beide sei hwet, en hja
wisten neat fen mankoar.

Dy jouns wier der op it doarp in politike sprekkerij. De ljuwe wieren
der hast allegearre strang rjuchtsinnich, yn it doarp wier gjin reade
ôfdieling noch neat, mar der wieren forkiezings op til, en de
Grifformearden stjûrden in yn steatssaken ûnderleine skoalmaster dy
krite bylâns, det er de broerren by hjar siel en sillichheit biswarre
scoe net wegerich to wêzen de Heare to tsjinjen by de stimbos. Sjoerd
teach dêr dy jouns hinne, minder om’t er forhope stifting op to dwaen
as om’t er witte woe hwet der omgean scoe, en as it him slagge dêr in
pear geastbisibbe jonges to moetsjen, to bisiikjen eft der fen hjar
kant neat to bigjinnen wier mei de oprjuchting fen in ôfdieling en it
fieren fen in krêftige reade propaganda. Hy seach forheard op do’t er,
hwet let yn de herberge komd, Liuwe allinnich sitten seach oan in
taffeltsje tsjin de mûrre oan, sljuchtweihinne forklaeid, en dúdlik him
wer mei opset sin fen de oaren ôfsûnderjend. Hy bisleat sels hwet
efteroan sitten to gean, det Liuwe it each net op him hie, en yn de
inkelde rûzige minuten ear’t de foarsitter God’s seine ôfsmeke oer dit
ûndernimmen ta syn eare, bisocht er by himsels út to meitsjen hokfor
rjuchting hja by Aysma’s tadien wieren. Tsjerksk wieren hja dêr net,
mar in kearmennich hie Sjoerd Liuwe yn de keamer lêzen sjoen yn in
tsjok boek, dat grif in bibel wêze moast.

De seal wier fol boeren en arbeidersminsken, hirde, rûge antlitten hast
allegearre, mei sims in bleek gesicht mei djip-sonken glânzgjende
dwepers-eagen dêrtrochhinne; de boeren dy’t bymankoar sieten wieren
hwet better útrist yn hjar swarte klean en praetten hwet lûder mei gâns
dominijs-wirden troch hjar Frysk, de arbeiders liken dimmener, hiene
hwet mear fâlden yn it antlit en de âlderen gyngen roungear. Allegear
smookten hja tige, det wolkens reek mei gauwens stadich hinneweagen oer
en twisken de hollen; de glêdde en ronfelige hollen fen it bistjûr
forlearen hjar yn de walm. In wolken fen reek ringe ek nei it sté dêr’t
de sprekker stie, efter in boerdtsje; efter út e seal wei like it hast
plechtich, eft men swietrokige wjirk barnd hie for de reedner. Mar dy
brimde sims gâns, en do’t er los kaem en de útnimmendheit lofsong fen
it swarte biwâld, dat him wakkere fortsjinstlik like to meitsjen for de
sinding, de bysûndere skoalle en de seedlikheit, kreake syn stimme as
hiene de reekwolken fen tsjien eardere gearkomsten hjar alle gloede
binomd en as wier hja joun foroardiele yn dizze lêste pleach fen it lân
fen tsjusternisse ûnder to gean.

Do’t de reedner sletten hie mei in amper hysterysk birop om de
bigjinsels dy’t yn de Heare woartelje, ek dizz’ kear mei mannemacht by
de forkiezing foar to striden, âld en jong, earm en ryk, rekkenskip as
hja hjir allegearre for skildich wêze scoene, wier it ta oan it
bisprek. Nimmen koe oer dit kleare pleit yn to bringen hawwe, achte de
foarsitter, en hy wier der wis fen forgees nei tsjinakselers út to
sjen, do’t Liuwe Aysma nei foaren stoep, him oer de bistjûrstafel bûgde
en him opjoech for debat. Ynienen loek der in izige stiltme oer de
seal, forskate eagen seagen him ûnforhoalen fijannich oan, inkelden
glimken sedich-spotsk; efter yn de seal wier ien do’t er dy namme
hearde, oereinsprongen, en hold nou de sikens yn. Liuwe, bihindich en
fyn nêst de grouwe swart-jassige mânljue, mar bleek en hiel rêstich,
socht effen mei syn eagen de seal roun, oant hja foun hiene hwet hja
sochten, en er, mei in licht omkrôljen fen syn lippen, effen de holle
efteroer smiet. Do bigoun er, klear mar stadich, himsels bitinkend,
siikjend nei de wirden dy’t syn tinzen it krektste dieken. Mar mei
gauwens kaem der hwet yn syn tael to triljen, fûlder en machtiger wâlle
de stream fen syn wirden, yn syn eagen briek in glâns los dy’t hjar
ljochtsjen die fen bisieling, alles oan syn antlit wier yn forweging,
tsjûge mei, libbe.

Sjoerd koe syn tinzen net by de miening fen de wirden hâlde. In pear
dingen fong er op, hy hearde ho’t Liuwe spriek fen de wirden fen de
Hear tsjin de rike jongfeint, oer it fordjerlike fen it hillich
Boadskip to meitsjen ta ynset fen steatkindige striid, oer de
ljeageneftichheit fen it regearjende skyn-Kristendom, det neffens Jezus
de minsken gelikens wieren en det syn geast net huze yn tsjerken, mar
dêr’t men dat as libjende wierheit forstie. Sims klonk sa’n wird ta him
troch, it makke in stoarm fen blidens yn him wekker dy’t er net wist ho
to uterjen, den krong er dat djip yn syn hert werom en hy twong himsels
fen it libben yn Liuwe syn wêzen him neat ûntkomme to litten. It
ûnmûglike wier dêr, hy seach de oar yn syn wêzen; in opfleagjende
skrutenheit die him sims de eagen wer delslaen. In waerm en wûnder lok
trochtrille him, as wier de poarte fen in great ryk iepensprongen en as
siigden der nou streamen ljocht op him oan, en hy, de forsmiten heiden,
fielde in twang yn him syn hannen út to sprieden nei omheech, fen tank
for it delskinen fen dizze sinne. Al it oare om hjar hinne sonk wei, ek
Liuwe tocht net mear om de minsken dêr’t er for spriek; de ien joech,
de oar harke, en hja wisten fen mankoar.

Do’t Liuwe dien hie en inkelden skruten yn de hannen klapten, krong
Sjoerd troch de mânljue hinne, nei foaren, en griep syn hân; hja seagen
mankoar oan, en laken. Inkelden om hjar hinne loeken oan de skouders en
gnoarren fen ôfpraet wirk, de measten seagen foardel, hwet biskamme.

De politike skoalmaster achte in andert oerstallich; hy miende
útslutend for broerren yn de geast it wird fierd to hawwen, en liet it
de Heare oer ûnleauwenden to oertsjûgjen. De gearkomste waerd
tichtmakke, de minsken forlieten de seal, Sjoerd en Liuwe gyngen mei ’t
lêst. Inkelde ienfâldige arbeiders bleauwen fen siden by de stoellen
stean en lieten hjar foargean, mei jounsizzen. Hja diene bliid biskie,
en stoepen de joun yn, meimankoar.

Mei rêdde stappen rounen hja de doarpsbûrren lâns; oant de púnwei sei
nimmen in wird mear. Kloftkes pratende ljuwe hellen se yn en strûsden
se foarby, sims in spitich en gnoarjend lûd opfangend dat op Liuwe syn
drystens sloech; den kearden hja tagelyk hjar om en seagen yn it
moanljocht de fûterer laitsjend oan, dy’t hjar net sa deunby forwachte
hie, en him forbiet ef hjar hwet efternei joech. Bûten it doarp kaem de
wyn hjar tomjitte, rûzich en sterk, de wei laei der blank en skjin foar
yn it wite nachtskynsel. Sjoerd roun yn in dream, bisocht omdôch wer
master to wirden oer himsels, fielde in frjemde waermens taweagjen om
syn hert dy’t eltse kear wer tanaem as er om de oar en syn wirden
tocht. Earst do’t hja al in ein op stap wieren, mirk er oan Liuwe syn
hymjen det dy moeite hie him by to hâlden; hy naem hwet stadiger trêd
oan en bitocht det er de oar, dy’t yet waerm wêze moast, net dalik ta
petear twinge mocht. Hie it net west det er eange det Liuwe him tonei
wer fierôf reitsje mocht en det er dos nou ta klearrichheit mei him
komme mòàst, syn lok hie greaternôch west om wirdleas nêst him to gean
oan de boerkerij ta, yn oantinken fen hwet west hie.

„Jy ha forstien hwerom ik joun dy dingen sei?” frege Liuwe ynienen,
hwet triljends yn syn lûd.

„Om de striid dy’t yn ús libje moat.” Hy moast it sizze, fielde det
hwet hjar gearbrocht hie foaroanstean moast, mar hope mear.

„Ek, ja. Mar ik haw ek tocht om fen ’e moarn, do’t ik sa útfoel. Dat
like minachting, hird, mar tsjin elts scoe ik sa west hawwe. Ik moast
allinne wêze.”

„Dat bigriep ik wol.”

„’t Hat my de hiele dei yn ’e wei west, men moat yen ynbine kinne, sels
den. Nou wier ik bliid det ik hwet fen myn tinken sizze koe, jy witte
nou det der gjin hearskerij mank wier. Wy binne wer goefrjeonen?”

„Ik ha jo der net op oansjoen.”

„Den binne wy wer lyk en kin it wer wêze sa as earder.” Hy sei it as in
forlichting, it harke Sjoerd ta as wier er bliid det er wer nei de
iensumheit gean koe. Effen wier er forslein, do biet er op syn tosken;
hy hie bisletten det er Liuwe net ginne scoe him wer to ûntflechtsjen
en forstie, det as er him nou net jilde liet, deselde ûnfornearbere
fierens foartdalik wer twisken hjar ynlizze scoe.

„Dat kin net” sei er foars.

„Hwet?”

„Wer dat omgean fen jister en earjister. Dat is net to fornearen, sa
meimankoar to libjen. Ik haw it al lang oars wollen, mar ik koe jo net,
der wier gjin hichte fen jo to krijen. Nou, sûnt joun, haw ik dat wol.
Ik kin jo net mear mei frjemde eagen sjen, ik forjit dit dochs net
wer.”

„Yn de omgong bin ik altiten stroef. Der binne mar inkelde tiden det ik
my jaen kin sa as joun. Ik stean mysels yn de wei.”

„Den moasten jy dat foroarje. Mar it is ûnwier, jy binne út josels net
sa bisletten, sa as joun en as jy spylje, dat is jou wiere wêzen. Mar
om de ien ef oare reden dy’t ik net wit, nimme jy deis sa’n hâlding
oan, tsjin eltsenien. En hawwe jy niis net sein det men yens neiste in
broer wêze moast?”

Sjoerd seach him, mei dat to sizzen, fensiden oan, en mirk yn it wite
ljocht det syn mûle hwet forloek. In skoft lang roun er swijend, hy
like om wirden to siikjen, der moast in stille striid wêze yn syn
ynderlik. Do sei er, hwet moeisum:

„It scoe my moeije as jy my dochs for heechhertich oanseagen. Ik kin
allinne mar sizze det der hwet is dat my fen alle minsken fier hâldt.
Dat moatte jy earbiedigje.”

„Joun op ’e gearkomste hawwe jy it for dy kliber minsken wol britsen.
Den kin it twisken ús ek sa. Ik bin net minder as dy ûnwittenden.”

„Krekt om’t hja ûnwittend binne hawwe hja nedich det ien bisiket hwet
witnis yn hjar to weitsjen.”

„Krekt om’t ik hwet mear wit haw ik nedich det ien my foartsterket en
my forstiet.”

Hy wist net hwa’t him dy wirden foarsei; earst do’t er se sein hie,
fielde er ho goed en wier se wieren. Liuwe bleau swijen, like der gjin
andert for oer to hawwen. Hy fage mei de hân oer de foarholle en it
wier as wanke der hwet eangst yn dat gebeart; hy seach nei de loft en
de stjerren en Sjoerd tocht det der yn syn eagen ek in bange gloede
laei. Hy bigriep nou hommels det er mei syn driuwen en opjeijen faeks
ûnminsklike wreed wier, mar moast fierder, om’t it tinken nou yet
weromdreaun to wirden, him to mânsk west hie.

„Jy moatte my forjaen” briek Liuwe hjar swijen. „Ik wier by heites
biwend rekke oan minsken dy’t neat fregen as op tiid hjar fortsjinst,
en my yn myn wêzen lieten. Ik hie klearder sjen moatten hofolle mear
minske jy wieren, en dêr yn myn hâlden en kearen nei dwaen. Ik moat jo
faek to koart dien hawwe. Mar as jy witte det ik goed fen jo tink
scille jy my myn iensumheit wol ginne.”

„Ik tink net det ik it kin. Ik ha dêrtsjin fochten fen det ik jo for it
earst goed sjoen hie. Alles haw ik neigien fen jou sjen en jou dwaen,
der forloek gjin spier op jou gesicht ef ik mirk it. En dat scil sa
bliuwe salang’t ik by jimmes bin.”

Liuwe bleau stean, de grize eagen nou ljochtsjend fen frjemde steurdens
en se fûl stjûrend nei de oar syn rêstiger, mar fêst-birette eagen,
dy’t net delslein waerden.

„Siz den hwet jy krekt wolle. Dit is sa net út to stean.”

„Frjeon wêze, iepen en klear, sa as dat moat. Jy kinne net folle fen my
witte, mar jy hoege net op my del to sjen, yn neat. Myn libben hat
swier west, oars as fen de ljue om yen hinne. Ik kaem by jimmes nei
gâns leed en striid, ik haw nea ien yn myn libben hawn dy’t my alhiel
forstie, ik wist det jy it koene. Ik biddelje om neat, mar ik siz jo
det ik rjucht op jo haw. En ik bin net earm, ik kin meistride en
meilije. As wy dy’t beide sa stipe nedich hawwe en sa nêst mankoar
stean, nou noch elkmis syn wei wer gean, kinne wy ús like goed
fordwaen. Dat is weismiten fen it bêste.”

Hy wier klear en fêst ynset, mar meinomd fen syn tinzen en syn
wrakseljend hoopjen, waerd syn lûd ûnwisser en kaem der in fochtige
glâns yn syn eagen; hy fielde de forleging, hy dy’t safolle
trochstriden en trochlibbe hie, om in bytsje frjeonskip fjuchtsje to
moatten, al wier it by hwa’t him it ljeafst wier. Liuwe suchte swier
op, seach fen him ôf en joech him wer fierder; gâns in skoft swigen
hja, wylst Sjoerd, woune, him al minder bitwinge koe en triennen fen
spyt opkommen fielde.

„Ik wit net” sei Liuwe op ’t lêst, „hwet jo sa praten docht. As it oars
net is as det wy beide iensum yn it libben stean en nou mei bigripen
mankoar de swierens fen dy iensumens hwet forsêftsje kinne...”

„Jy dogge neat as ynfreegjen op myn en allinne myn fielen. Ik woe det
ik wist hwet ik oan josels hie. Ho’t jy fen my tochten.”

„Sûnt lange tiid” sei Liuwe stadich, „haw ik net mear fen in minske
hâlde kinnen, hwa den ek. Ik kin net sizze hwet myn libben tsjuster
makke hat, mar ik haw sa’n barnende hate hawn yn alles om my hinne, det
ik my for ivich frjemd oan de oaren wist. Ik seach net ienris mear nei
hjar, it makke my wé; ik libbe allinne mar nêst, en bûten hjar. Der
wier in gerdyn twisken my en hjar fallen. It is eft jy it wer fensiden
slaen wolle. Mar myn eagen scil dat blyn meitsje, ik kin it net mear.”

„Mar hwet bitsjut den jou spyljen, jou sprekken tojoune, jou laitsjen
niis?” Hy hâldde syn siken yn, hy mirk det er neijer kaem, en woun.

„Dit det ik stadichoan bigriep det dat tsjuster en dy hate net goed
wier, det men tsjin alles yn ljeafhawwe moast. Ik libbe op ’t lêst, en
haetsjen wier myn wêzen net. Yn myn iensumheit haw ik ... God socht. En
syn ljocht is stadich wer yn my to skinen komd. Noch wieren de minsken
my frjemd, mar him koe ik tsjinje. En sa kaem ik wer stadichoan
tichter.”

„En wylst bin ik jo tomjitte gien en ik haw jo hân nomd en wol mei jo
fierder de wrâld tomjitte. Lit ús gean.”

Noch in skoftke bleau Liuwe stil. Do sei er, moeisum:

„Sa frjemd is dit allegearre. Jy lykje sterker as ik, ik kin jo net
bûten keare. Ik hie net tocht det ik sa’n ien noch moetsje scoe. Wol
bin ik der bliid ta, ik wit ek wol det wy nou in moaijer tiid tomjitte
gean. Mar haw gedild mei my. Ik kin jo net alles sizze...”

„Ik woe dochs det der neat mear twisken ús ynstean scoe.”

„Ik kin net, nou noch net. Jow my tiid. Miskien scil ik it ienris
kinne. Wêz nou tofreden mei hwet jy woun hawwe, det wy net mear as
frjemden meimankoar omgean scille en bisiikje mankoar al better to
forstean. Nou’t ik wit ho sterk jy binne, bin ik wol oars oer jo to
tinken komd, ik sjuch jo nou oars en bin bliid det ik jo nêst my ha
scil. Twing my nou net ta hwet ik noch net sizze kin, dat scoe alles
brekke. En it is sa sa goed.”

„Den is it my sa genôch.”

De wei troch it lân rounen hja swijend, elts yn syn tinken wer allinne,
mankoar noch to frjemd om sûnder wird to forstean hwet der nou yn de
oar libbe, mar ien yn de skrutene blidens om de jonge frjeonskip dy’t
opbloeid wier twisken hjar greate, stridende minsklikheit. Hja fielden
nou ynienen ek neat fierders sizze to kinnen, hja seagen der ûnwittend
tsjin oan mankoar wer mei gewoane eagen to sjen en dochs mei it witten
fen hwet hja inoar ûnthjitten hienen. De loft wier stjerreklear, as in
dizige wite bân teikene de Môlkwei mank it djip-nachtlike blau; in
moanne-witens dreau yn silvrige gazen troch de loft, blonk oer de
blank-riljende sleatten, forskeat skimich oer it lân as in reagich
wolkje de streamend-wite ljochtskiif foarlâns dreau. Hjar tinzen kamen
ta sêftens, de striid bêdde him del en it nije libben laei goed en
frede-djip twisken hjar. By de homeije kearde Liuwe him mei glânzgjende
eagen nei Sjoerd, en sei mei triljende lippen mar nou mei in klear
bitrouwen det it by de oar feilich wier:

„It wier hjoed de dei fen dyjinge, dy’t....”

Hy koe net mear, syn lûd bijoech him; hy biet op syn lippen, syn antlit
loek gear en it wier eft er útboarste scoe. Do seach er wer nei syn
frjeon, en mei de earmtakke op ’e hiemshikke, wraksele er mei himsels
om him yn to binen. Hy waerd wer sterker, it wier him net mear
oermânsk. Do rjuchte er him heech op en wylst syn eagen fier oer it
fjild gyngen, sei er by himsels:

„Altiten is it der noch, dat oare, en it scil der altiten ek wol
bliuwe. En nou, nou dochs to sizzen, det alles, alles goed west hat en
is. En dêrfor tankje to kinnen, for it leed ek. Frjemd det it nou net
mear ûnmûglik liket.”

Sjoerd koe dy nachts net sliepe; in frjemd fielen trochtrille him dat
him nou de triennen yn de eagen twong en den wer stil foar him út
glimkjen die. It wier net hwet er yn syn moaiste dreamen oer Liuwe
forhope hie, det dy de poarten fen syn siele iependwaen scoe en him, de
earme, ynlitte om him ryk to meitsjen mei al syn greats. It wier det er
in stik fen dy syn leed ôfnomd hie, him it wer mûglik makke hie to
libjen, en sels, ûnder dy nije lêst op syn skouders, fielde ho licht it
droech, ho hearlik jong er wier, en sterk.


Dizige winter kaem oan en makke de romten yet forlittener, de kleuren
fen de ierde yet fealer. Yn wide sprieding, fen kym ta kym, leine de
fjilden to slomjen, ûnder it hinne en wer skouwen fen wolkens en
misten; foriensume stiene de pleatsen twisken hjar keale mantels, dêr’t
de wyn ûnwennich troch rûze. Sims dreau de himel klear, en op in joun
gyng de sinne ûnder in bloedread en lôgjend giel, hjel útstreamend
boppe it doarp en syn swiere toer, de finsters in skoftke bitsjoenend
yn oerdiedige skittering; as de toerslach dêrtrochhinne foel like it in
stik fen lang-ôfstoarne wrâld wer forriisd, mei sûmbere bitsjuttings
oan ’e kym fen ruters dy’t op snuvende hynsders oanstoarmen yn bloedige
sfearen en dêrtsjinyn de weitsrop fen de klok oer it lân. Sa wier it
inkelde kearen det der froast op til like, mei ljochtmoanne; den kamen
wer de dagen, lange fortretlike rigen det it ljocht in forlijde dream
like, heal dwêst troch drôfenis fen triennen.

Mar de feinten op Aysma syn pleats tochten net om hwet ienlike minsken
faek swier weacht, in nije strieljende wrâld wier yn hjar herten
forriisd, by de ien noch wol fûl stridend tsjin it bihearskjende
tsjuster yn, mar by Sjoerd ien machtich opbrûzjen fen sterk jong libben
dat útsloech yn syn eagen en syn kinnen fordûbele. Hy wier net mear
allinne, hy waerd forstien. It wûnder wier dêr det dy greate
ûntsachlike wrâld dy’t machtich wier troch hjar dommens en wreed troch
hjar leffens, dy frjemde biheining fen libjende wêzens, allegear
longerich op bloed en krêft fen hjar neiste, him allegear fijannich as
de wriggen dy’t yn neare tiid him de sliep ûntkearden, det hja ien, ien
minske bisleat dy’t lijde en stried as him, dy’t syn hoopjen dielde,
him forstie sels dêr’t er himsels amper forstean doarst. En dizze libbe
nêst him, yn ien gearlibjen, eltse dei koe er by him wêze, eltse ûre
nei him ta gean en sizze „bigrypstou dat? hastou dat ek sa tocht?” En
as den it bigripen der wier en de oar glimke fen ja, den wier der in
nije wierheit berne, wierheit dy’t gjin stream fen tiid mear weispiele
koe yn syn ûnthâld, den wier der nije fêstens jown oan syn libben, nije
rykdom oan syn forstean.

Hy fierde in greate striid om himsels yn ’e macht to hâlden, det er net
to optwingerich wirde mocht, net to lûd en drok by Liuwe syn
ûntobritsen earnst dy’t de stiltme ljeave. Hy hie safolle to sizzen,
tsjin nimmen hie er him ea útprate kinnen. En hy fortelde alles, alles,
bytiden yn eangstige ûnrêst det er de grounslaggen fen hjar frjeonskip
forniele scoe mei safolle dat him nou lyts en ûnweardich like, en
jimmer mirk er det it dochs hâldde, dochs bleau, en sei er wer
mear—neat woe er for himsels hâlde, syn hiele hiele libben scoe hy
hawwe dy’t de iene yn syn libben wier. In set lang skrille er werom for
de dingen dy’t er yn earder tiid ûnsuver yn him wist en dêr’t er ûnder
de earnst fen dy grize eagen him ilindich for skamme, do bitocht er ho
ûnweardich en falsk it wier net it minne fen yensels to sizzen oan ien
dy’t yn yen leaude, en deselde jouns frege er Liuwe mei nei bûten en
sei, hy moast him noch hwet sizze. Liuwe harke, noch earnstiger, sei
him det it him genôch wier yn syn frjeon to leauwen lyk er nou wier,
det hwa’t troch sûnde tein wier en dy’t wraksele hie om wer to rizen,
better as hwa de wierheit en de genede fen it goede forstie; dochs like
er effen hwet leed to hawwen. Neitiids wier er wer lyke myld en Sjoerd
kastijde yn syn tinken himsels mear as ea det er him njunken de oar yet
sa bidoarn fielde en waerd heal wyld yn syn fortwiveling, eft er him
den nea weardich wêze scoe.

Linkenoan, mei’t Sjoerd troch folle striid, eangst en lok hinne syn
hiele wêzen útstoart hie, do’t er tinke koe: „nou sjucht er my
hielendal, yn myn lytsens èn myn goeds” bilune de oerstjûrens fen dat
optwingende jaen en kaem der mear stiltme twisken hjar. Mar yn dy
stiltme riisde, in wite blom yn tear oerwyndere herne, yet oar en heger
moais: fen de soargen en it tinken om himsels ûntslein, frij oer foar
alles, foar God en de minsken en de bisten fen it fjild om’t nou immen
fen him wist, bigoun er Liuwe sels al klearder en suverder to sjen, net
as de bitroude dy’t alles fen him oernaem, mar as de minske yn syn egen
suvere wearde. Do learde er stil to wirden en sêft, en syn hert waerd
ien mylde forearing. Noch wist er net hwet de oar syn libben britsen
hie, mar hy skrille in jountiid op do’t er bitocht, det wylst hy ta it
lok komd wier troch de bitrouwende stipe fen in oar, Liuwe yn de
folsleine iensumheit syn greate striid hawn en syn oerwinning bihelle
hie, sûnder ien minske syn stipe. Do like syn egen hiele libben him
hommels earmtlik en neatich, en it tocht him det er ûnrjucht tsjin
Liuwe bigien hie, det er dy net jimmer as de sterkste heech boppe him
field hie. En it wie’ ommers wier: ho tige deselde wier Liuwe bleaun as
eartiids, hofolle klearder en greater wier hy yn syn earnst dy’t bleau
lyk as hja wier, as him dy’t in opslûpen jonge like mei syn oerstjûrens
en den wer forbûkens! Dochs wier der nou in stille glâns yn Liuwe syn
eagen; syn, syn wirk wier dat.

Hja gyngen nou alhiel as gelikensen meimankoar om; Sjoerd wier mear yn
de foarkeamer, mei Liuwe by syn brede rigen boeken as yn it milhûs.
Sjoerd wist det it net sûnder striid gien wier; de boer koe soks skoan
oansjen, hy mirk ho’n goed dit ek Liuwe die en glimke om de feinten
hjar omgean mei mankoar; mar mei Anke hie it biswieren joun, hja liet
hjar net fen it bigjinsel ôfbringe det elts op syn stân en plak bliuwe
moast, en ienris, in middei by ’t iten, liet hja hjar, ûnoertocht en
hastich, in mennich hirde dingen dêroer ûntfalle, dy’t makken det Liuwe
oerein gyng en foartroun. Dyselde middeis hie de boer for syn dwaen
ûngewoane lang mei hjar yn de foarkeamer praet; do’t hja wer forskynde,
like hja gûld to hawwen en hja knoffele in kopke, sa staetten de lea
hjar oan, mar hja wier gâns sêfter en sei by it tédrinken hommels det
hja tofolle sein hie, sûnder to sizzen ho en hwerom. De oare ljuwe
seagen mankoar binijd oan, hja seach strak foardel en tiisde hwet mei
it kleedtsje ûnder it téblêd, en do’t men tocht det hja fierder gean
scoe sloech hja yn oar praet.

As hied er in fêst doel foar eagen, sa wijde Liuwe him yn de wrâlden
fen it skreaune en de kinst yn. Meimankoar bipraetten hja alles hwet
hjar oandacht naem, de forhâldings fen minske ta minske om hjar hinne,
de wearden fen minsklik fielen en it uterjen dêrfen, de frjemde
twaspjalt yn Fryslân twisken it egen folkslibben en it frjemde dat der
as in net oer taleit; by hjar great forskeel yn wêzen wieren hja beide
Friezen, hiene beide mear fen de wrâld sjoen en seagen hja goeds en
binypts fen it egene dêrtroch nammersto klearder. Sims spile Liuwe him
foar, net faek; it wier him hast to machtich dêr rêstich by to sitten,
hy moast dat hearre lyk dy jouns yn it hôf, en djippe muzyk makke him
yet to ûnrêstich, hy wist der him yet net ryp for. Mar hy hie nedich
Liuwe lêzen to hearren, syn dimmene rêstige wize fen de dingen to
sizzen, fersen, toaniel; den siet er wer to harkjen as yn syn
jongestiid by Minke, it kin yn syn hânsdobbe, de knibbels oer mankoar,
de eagen net fen Liuwe ôf. Hwet hy sa hearde, song nei yn syn earen; al
ûntkamen de wirden him ek wer, it rhythme bleau, waerd it winst fen syn
wêzen. En de tiid kaem det er sims sels sa de dingen bigoun to sizzen,
sêft foar him út as er allinne wier, yn dy moaije effene streamings mei
de optilling fen it rym dêrtwisken, dêr’t er wet noch wizânsje fen wist
mar dy’t wûnderlik licht yn him to libjen kamen. As er tocht om syn âld
doarp en Liuwe, den rigen de wirden hjar hast fensels sa.

Ienris, nei melken, det hja wer sa sieten by it skimerich ljocht fen
piano-kjersen yn de foarkeamer, wylst bûten de wyn rjucht op de blinen
stie en Liuwe tsjin it swart glânzgjende ynstrumint oan to lêzen siet,
syn antlit en eagen fredich forljochte fen it rêstige skynsel, kaem
Sjoerd klear en rêstich to tinken oer de aerd fen hjar fielen. Sims,
allinnich, hie er dêr earder op trochtinke wollen, mar den kaem der
hwet skrutenens yn syn tinzen, hy glimke en tocht oan hwet oars; nou
doarst er him dêr better yn bijaen, de frede om him hinne like
festichheit dêryn. Dochs hied er striid; it wier him as rôp er mei syn
neifreegjen hwet wekker dat net hearde en dat er dochs net fen him
ôfsette koe. Ynienen frege er Liuwe:

„Leaustou det it goed is oer alles nei to tinken?”

Liuwe die syn boek ta. „Ja,” sei er, „as men mar djippernôch tinkt.
Tinken is nedich om yens fielen to forstean.”

„Mar as men mei dat tinken spoeken wekker ropt?”

„Tink den fierder, den komt men dêrtroch mei goede geasten wekker to
roppen, en den is alles goed. It is it heale tinken dat sa bidjerlik
is.”

„Ho neamstou den it fielen dat twisken ús twaën bistiet.”

„Dat witst wol, dat is frjeonskip.”

„Dêr haw ik oer neitocht de lêste dagen. Langlêsten hast ris sein,
frjeonskip wier dat fielen nei hwet men oan yensels yn oaren gelikens
wist. Mar sa is it by my net. Ik hâld fen dy omdetste oars bist as
ik.—Yn Gods namme, hwet hast?”

Liuwe wier oereingien, it like him near to wêzen; hy joech him lynjend
oer op ’e piano en sykhelle moeisum; Sjoerd forwachte, kjel, itselde as
dat er ienris yn it bûthús meimakke hie. Hy seach ho’t Liuwe wraksele
om himsels to bliuwen, de foarholle gearlitsen, de eagen ta. Do hearde
er, swier en stadich:

„Ast om my jowst, praet den nea wer sa. Dat makket it bitterste wer
wekker, den krijt myn hate wer macht oer my. En tink ek nea wer sa, ast
net wolst det it like ilindich wirdt as it nou moai is en ljocht.”

Sjoerd doarst der neat mear tsjin yn lizze, wachte effen, brocht do it
praet op Liuwe syn nearens, det er dêr yn forsjen moast, en kaem op it
oare net werom; mar djip yn him fielde er hwet skriemen, hwerom wist er
net, as wier er hwet kniesd. Dy jouns laei er yet lang to tinken om it
forskeel det er, by alle oerienkomst, nou ek twisken hjar wist en dêr’t
er tonei nea mear blyn for wêze koe: det in tinken, dat for him hjar
frjeonskip yet riker makke, by Liuwe op sa’n forset stuite en dy sels
flokber like, sà det er dêr net mear op trochtinke woe, wylst hy sels
yet effen earder sein hie, det as men moed hie men op ’e boaijem fen
alles it ljocht weromwoun. Tagelyk skeat it him yn det er yette nea
alles fen Liuwe wist, en hy seach de greate kar, nou altiten sa fierder
to libjen mei dy heimnis twisken hjar yn dat alles skeine scoe, ef
sizze det nou de tiid komd wier det er witte mòàst, om ek fierder
bigripe to kinnen. Hy naem him it lêste foar, tsjin Liuwe syn frjemd
warskôgjen yn, en joech him do nei de sliep.

Do’t er, de oare joune, wer yn ’e foarkeamer kaem, mei syn doel klear
foar eagen, bleau er by de doar forheard stean. Liuwe siet op in sit
oan de tafel, en nêst de piano, op itselde plak dêr’t Liuwe jister line
hie, stie, krekt sa biskynd fen it kjersljocht, in bloun fanke mei
earnstige blauwe eagen en in bleek antlit, dat just hjar eagen fen
Liuwe kearde en him taglimke. Liuwe gyng oerein en wylst er mei de hân
effen nei it fanke wiisde:

„Myn sister,” sei er, „Esther.”




IX.


De foarste dagen det hja thús wier seach Sjoerd hjar mei ûnwillige
eagen oan. Hy woe syn frjeon bihâlde, mei him allinne wêze, der wier
yet safolle twisken hjar to trochstriden, nou binammen; mar Esther
forliet hjar net as hja nei it birêdden fen it wirk praetten oer dingen
dy’t hjar ljeafde hienen, hja wier trochrinnend yn Liuwe syn selskip.
Sjoerd koe der net blyn for wêze det der in forstean en ien-wêzen
twisken hjar bistie klearder en djipper yette as syn frjeonskip mei
Liuwe, hja liken mear fen mankoar to witten en kamen inoar yn hjar
wêzen ek tichterby, earnstich en stil beide al wier it dúdlik det op
Esther net de flok fen in forhoalen forline woech. Oant nou ta hie it
stille greatskens yn him west det er Liuwe alhiel for himsels hie, sa
det syn oare sibben yn hûs hjar wisten to kommen yn it twadde plak, det
de frjeon de soan neijer stie as syn egen heit; nou nimt de famylje
hjar rjucht werom, tocht er bitter, en ik kin wer yn de skimer stean
gean. Hy koe net diele yn Liuwe syn stille blidens om de weromkomste
fen dat earnstige blau-eagige fanke, hy koe syn egen diel yet lang,
lang net misse, en fen de weromslach wier er deis yn it wirk sunich mei
it wird tsjin Liuwe, as fielde er him to koart dien.

En in joun do’t er langer as Liuwe for it ôffoerjen yn it bûthús bleau,
fielde er him sa delslein det er him foarnaem dizze ûremennich allinne
mei himsels to bliuwen en net nei foaren to gean. It wier gâns in
bislút en heal en heal fielde er, det er dêrmei gjin rjuchtlike wei
bigyng en earder lyts wier as great, mar syn greatskens wier wer sterk
yn him riisd, en waerd him oermânsk. Hy krige út syn kiste in pear
boeken dy’t er himsels oantúgd hie en bigoun to lêzen, mar hy koe syn
tinzen net by de wirden hâlde, der libbe hwet oars yn him, in frjemde
ûnklearens dy’t him binearje scoe as er se net utere; yn de dream wei
sleepte er de bank nei in herne, det er syn foetten der yn ’t lang oer
lizze koe en mei de rêch tsjin de mûrre lynje, krige in stik pompier en
in potlead en bigoun to skriuwen hwet yn him opkaem. Ho lang’t er sa
siet, wist er sels net; der wier in wûndere freedsume stimming om him
hinne en yn him, de sêfte lûden fen it hinne en wer skeuken fen de kij
en it swiere suchtsjen, nou en den, fen ien dy’t lizzen gien wier,
makken in stil gerûs om him hinne dat goed by syn tinzen foege.
Einlings bigoun er to fielen det er net mear allinne wier, yet ôfwêzich
mirk er de doar iepen, do seach er ynienen op. Yn de doar stie Esther.

Ynienen seach er ho moai hja wier. Sa’t it ljocht fen de lantearne hjar
antlit biskynde, fyn en bleek ûnder it sêft-goudene hier, de wilskrêft
fen hjar moaije, bisiele mûle timpere fen de dreame-glâns fen hjar
eagen, de holle hwet foaroer nei him ta, efter hjar it tsjuster fen de
tsjerharne, like hja oars en mear as in minske. Hy fielde det er
ûnrjucht bigien hie, oan hjar, en gyng mei in linige swaei fen syn
foetten rjucht op ’e bank sitten, syn antlit, yn itselde ljocht stil
útkommend yn de krêft fen syn linen en it striidbere om syn mûle, hwet
efteroer, syn blauwe eagen dêr’t it nou krêftich yn glânzge, earnstich
yn hjarres, in pear tellen mar. Do fleach it bloed him nei de holle, hy
fielde it syn wangen gloedzjend, lilk op himsels en skruten for hwet
hja dêr út tinke moast, èn om syn skriuwen dat hja fensels sjoen hie.
Do sei er, as útliz en teffens om him in hâlding to jaen:

„Ik tocht krekt oan goede dingen, dat kaem moai út; oars hiene jy my
kjel makke.”

„Jy hienen it fortsjinne” sei se, earnstich. „Hwet dogge jy hjir to
sitten? hwerom bin jy net by ús komd, as oars?”

Hy tocht eft er bisiikje scoe der for wei to winen, mar hja seach him
sa earnstich oan det er gjin heale wierheit út syn mûle krije koe.

„Ik bin der ljeaver net oer” sei er do, „en ik wit net ho lang jy hjir
bliuwe. Ik bin dochs ommers mar in frjemde.”

„Dat is net great, sa to praten. As jy sein hiene: ik hie jim net
nedich, ik woe de iensumheit, dat wier hwet oars. Mar dit! It is
egentlik minder as in ûnwierheit, hwent jy witte wol better.”

„Dat wit ik net,” sei er, yet dwers, mar hy bigoun him slim to skamjen.

„Ik moat jo hwet sizze” sei se ynienen, en gyng nêst him sitten op ’e
bank, de hannen yn de skerte. „Jy binne Liuwe syn frjeon, wier? Hy hat
my dêr hwet fen skreaun, en ik wier der hiel bliid ta; hy wier hjir
fierstento iensum, en foun út himsels de wei nei de minsken net werom.
Mar ik tink dochs det jy gjin goede frjeon for him binne, jy fergje him
tofolle. Jy witte net hwet er hawn hat, ik ek net hielendal. Mar jy
moatte goed en stil for him wêze, dat moatte jy my ûnthjitte; ik ha
sa’n noed mei him. As jy in bliedend en woune hart moeten, scoene jy it
den noch fierder opdriuwe, ef it to drinken jaen?”

„Hwet jy dêr sizze is skriklik” sei er kjel. „Tochten jy det ik sa...”

„Ik sei it nou miskien hwet sterk, it is mar in rie. Ik wit hofolle jy
fen him hâlde, en den is it better sa.”

Der gyng in skoft foarby foar’t er wer praette. Einlings sei er,
biswiere:

„It is krekt eft ik ynienen skild op my to rêsten fiel. Ik hie ’t nea
sa sjoen, Esther, om’t ik altiten meast om mysels tocht haw. Dêr moat
men wol frou for wêze, om sa fen in oar to hâlden. Mar ik mei al myn
optwingerij fen mysels, dat forflokte gedriuw ... Ik hie mysels wakker
heech, mar der is nou net folle mear fen oer.”

Hja stoep wer oerein, en treau de doar iepen. Hy folge hjar, en yn dy
telmennich wier it as wier alles foroare, syn fielen for Liuwe, mar syn
tinken oer hjar yette mear. Der hie oerginst mank west, yn it earst,
nou wier der in greate blide forearing yn to libjen komd. Do’t er dy
joune op bêd laei, hied er hjar byld aloan foar eagen, en it fornuvere
him ho earnstich hja wier en biret, en dochs mei in sa ljeafde-rike
tearens yn hjar eagen en hjar lûd. Hy moast by himsels sizze det er nea
earder in fanke sa sjoen hie, mei sa’n egen en ryk libben, en mei sokke
formogens hjarsels to forjitten for hwa’t hja ljeafhie; hja wier mear,
sa ûneinich folle mear as him. Liuwe syn sister, Esther, hy sei de
namme stil foar him út yn in kleare en djippe frede, wylst de sliep al
oer syn eachslidden loek.

Nea is der sûnt ien yn syn libben komd dêr’t er safolle fen leard hat
as fen hjar. Hja wier net mear in fanke út ’e âlde wrâld, ien dy’t oars
gjin tinken hie as egen ljeaflikheit, jonkheit en it bytsje fleagige
fielen dat hja for ljeafde hâldt, hja hie it libben oan hjar
ûnderdienich makke, hja regearre oer hjarsels en hjar tinzen mei in
kleare ljochtsjende wil; dêrby wier hja ynlik frou bleaun, minder
maklik hjar faeks jaend oan ljeafde for in man, mar dêr’t der ien kaem
dy’t hja, sels hja, yn hjar tinzen as kening earje koe, einleas en
great yn hjar jaen. Hwet de natûr oan de mânljue by de Aysma’s ûntkeard
like to hawwen, wilskrêft dy’t it libben bitwingt, op hjar foarholle
troane hja, hja wier yn elts wird fen hjar mûle, eltse glânzing fen
hjar eagen. Simstiden giet der sa’n frou troch de rigen fen minskheit,
en mar inkelden binne útkard om hjar to forstean, mar dy’t ienris hjar
dreamen dield hat en wit hwet der libbet efter dy sels-forkeazen
ynbannichheit en mei hjar it libben skôge hat, dy syn dagen binne as
forklearre fen in iepenbiering en hy forstiet it wûnder fen Ljeafde,
lyk hja forskynd is oan de Alden, en inkelde bigenedigen fen letter
tiid.

Hja brocht in frjemd fielen fen feilichheit en witten op de ienlike
pleats fen de Aysma’s. As fanke hie hja hjar mem jong forlern, hja hie
tiden lang triennen glânzgjen sjoen yn heite each dy’t hja wer droegje
moast mei tsjin him oan to krûpen en mei hjar hantsje troch syn hier to
streakjen; en Liuwe wier dêr, as jonge faek swak en stjûrleas, dy’t
honk by hjar socht as it libben him swier waerd en al syn swierrichheit
meibrocht nei hjar. En hja treastge as famke, soarge do’t se âlder
waerd, wekke as folwoechsen frou. Hja koe memme-wille en -noed mei in
hiem fielen forstean, hja wist hwet it wier al wier der neat groeid yn
hjar skerte, hja wier ryp yn hjar tinken do’t de oaren yet boarten mei
poppe en bisytsjen. Dy tiid, as de jounen kamen det Liuwe, siik, fen
koartse to woeljen laei op syn bêd, eang ljocht yn de glânzige eagen,
stoep hja ôf fen hjar sliepsté yn hjar nachtjurk, mei bleate foetten,
gyng den sitten foar syn bêd, en hjar wang stiif oan tsjin sines, tocht
hja om Mem en bea det dy mei hjar oer hjar jonge weitsje mocht. Ier hie
hja de striid kennen leard en it leed, en as fanke hie hja sims wirch
west, hjar rie ta’n ein det de simmer nea net mei in greate en sterke
dei strielje woe for hjar, mar den bitocht hja hwet der fen heit en
Liuwe torjuchte kaem as hja net sterk stie, en de lippen kamen yet hwet
stiver op mankoar: der moast dochs ien to sjongen gean yn it hôf, en it
is swier, bliid to sjongen as alles yn yen skriemt.

Earst letter, do’t hja hjar striid woun hie, do’t hja Liuwe rêdden hie
for it libben net allinne, mar ek for hjar witten fen rjucht en
greatens, kaem de tiid oan det hja mear libje koe for hjarsels en egen
wei troch it libben siikje. Yn in pear jier helle se mei hjar stúdzje
yn dêr’t oaren fiif oer dogge, en wer koe hja, tagelyk mei Liuwe dy’t
se nou fensels oan himsels oerliet, hjar om utens jaen to learen. Hwet
hjar dêrta dreau wist hjasels net klear, mar net follen koene hjar mei
learen bilykje, en hja hie in fielen det ho mear se yn hjar opnaem, en
de dingen fen it libben bifieme, nammersto mear se letter de minskheit
werombitelje koe. Hja libbe dêrfor mei hjar hiele wêzen, yet in skoft
yn bislach nomd troch de âlde soargen do’t Liuwe dochs wer
stjerrens-siik rekke en syn learen oerjaen moast, oars mei al hjar
tinzen by hjar wirk en ho’t hja letter de wrâld it meast ta seine libje
mocht. Wol libbe de toarst nei ljeafde sterk yn hjar en bleau hja
minske yn al hjar groei en striid, en gâns frjeonen krige hja dy’t mear
wêze woenen as dat, mar hjar glimkjen bleau sa stil en frjeonlik det
der nea tinzen wêze koene oer hwet oars, en wylst hja hjar herte ryk
makke mei alle greats en it ré hold to jaen as der ea in greaten dy’t
se ljeafhawwe koe, yn hjar libben kaem, birêstte hja as hja soks sels
in dreambyld tocht en iensum miende to bliuwen. Hjar antlit hie de
teikens fen wilskrêft en moed, mar yn de klearens fen hjar eagen
ljochte de glâns fen in ljeafde dy’t ré is ta alles.

Esther, dû greatste en meast bigenedige, dû scilst my forjaen as ik net
mear fen dy siz. Myn stimme is skruten, en net ik bin hwa’t dyn frjemde
hillige geheimen trochgrounje scoe. Ek de fûgel dy’t yn stiltme fen
moannenacht sjongt is mar in feal lichumke mei lyts forstean by de
greate kleare wijing om him hinne, ek de wyn dy’t de weagen sjongen
docht tsjin de núnder-ich, bidjippet it keine libben omlegen net. Noch
stiestû fier fen ús, heltinne fen nij libben, mar inkelden mank ús
scilstû de krânse lizze op it hier. Mar wy kinne dy riede en ealgje oan
it libben om ús hinne, en dêr’t de strider him in wei wrakselet nei de
takomst en him út ’e twang fen it hjoeddeistige bifrijt, dêr komstû him
ljeavjend tomjitte, dû dy’t de ljeafde bist as iepenbiering, biwekker
fen it heimnis, mar dy’t sels it heimnis ken.

Sûnt Esther hjar wirden kaem de âlde bitroulikens twisken Sjoerd en
Liuwe net wer. Beide kearden hja yn ta de stiltme, Liuwe nei syn
biwende fierten dêr’t allinne Esther nou mei dimmen trêdden ta neijere,
Sjoerd ta in djip en siikjend tinken oer it frjemde dat west hie. Hja
bleauwen as frjeonen meimankoar omgean, mar praetten oer djippe dingen
allinne as Esther yn hjarren selskip wier, en mijden it inoar folle oan
to sjen. Yn it bigjin wieren der jounen det Sjoerd der yet great leed
fen hie en bitter yn himsels tocht det sels dit blinkje ljocht him
forgind wier, mar frjemdernôch wier it him lichter to fornearen as er
mûglik tocht hie, as immen him dit in wikemennich earder sein hawwe
scoe. Syn fielen dat yn it bigjin opdreaun waerd troch hiel de
ûnbihearske krêft fen syn jonkheit, sûnderdet er itsels yn twang to
hâlden winske noch formocht, forstille ta in tear meilibjen yn syn
frjeon syn wêzen mei dêr mank hwet meilijen, fielen lyk as men hat for
ien dêr’t men fen hâldt en dy’t men yn soargen sjucht.

Hy tocht nei oer dy forearing dy’t er sels net bigriep, en de dizen fen
it ûnforklearbere waeiden útien en hy bigoun to sjen. Fen syn
jongesjierren ôf hied er stoarmich socht nei ien dy’t libben en striid
mei him diele koe, dy’t him treastgje scoe as er wirch wier, him witnis
jaen as er twivele, ien dy’t him trochgroune yn syn djipste wêzen; dat
wier hiel syn bihoef oan ljeafde. Sa’n ien woe er nêst him yn syn swier
mêdzjend bistean, sa’n ien allinne hied er weardigje kinnen opnomd to
wirden yn syn heechst en hillichst jaen; nimmen dy’t troch bigripen al
net ien mei him wier, scoe yn heechste ûren ien bliuwe kinne mei him
hwaens wêzen alle wrâldske krêften wearstie, dy’t ek by de greatste
stoarms fen ljeafde ûnforwrigber himsels bleau, himsels nea forlear. Yn
libben en folle mear yet yn tinken, hied er himsels frijfochten fen
alle bigryp dat twisken de minsken biwend is; en it iene det hy
folslein frij stie fen hjar tinkwize, makke him ta in útsûnderling, in
frjemden-ien, in wyld. It wie’ wier, hy hie de mienskip fen de minsken
forlitten, hy stie dêr, allinne yn de wrâld, sûnder de biwende seden,
sa’t God him skepen hie yn syn wêzen, striidber, wyld, greatsk en hiel,
hiel iensum.

Hy wist det de striid om in forsteander to winnen, syn libben sels ta’n
ynset hie. Hwet hie hy oars, hwêr hied er oars de genede winne kinnen
fen de krêft, dy’t sterk makket ta iensumheit? De tsjerke sei him neat,
de sêfte dildzjende Christus wier him, stoarmer foar alles en yn syn
striid jubeljend fen langst nei oerwinning, gjin egenheit fen it hert;
gjin machtich tsjûger yn kinst ef witnis makke him út ’e skiere ieuwen
los om it wird klinken to dwaen oer syn twiivlige wei, noch wier him it
ideael fen de Minskheit dat alles oerljochtet, iepenbiere. De bifrijing
moast komme fen de minsken om him hinne, de flok fen syn iensumheit
moast tobritsen, ien, ien moast de klibers forlitte en nêst him, de
iensume, stean, ien dy’t libje koe mei en njunken him yn djip folslein
forstean—yn skôgjen en witten in gelikense, ef, mocht God it jaen, in
greateren sels.

Do wier er gien en hy hie de frou socht. Men libbe op ’t lêst as
minske, eltsenien gyng dy wei, it spriek det hy, nei de jierren wol,
nei geast yet lang net folwoechsen, itselde die. Hy hie socht, sims
himsels foartsjoend det er foun hie, sims himsels wysmakke det it dy
wei dochs út moast en det er him den mar skikke moast nei de oar hjar
bistean, en al syn skynwinst wier wer forlern gien. Hy wist de
ljeafde-forbjustering fen tûzenen, yen weidriuwe litte, eage-blyn, nei
oanwâljende driuw fen stjerlike sinnen, forjitte det men skepen wier as
God’s bern, alle tinzen fen yen weidwaen det der yn de ûre fen it jaen
sels al gjin oanklachte tsjin yen riist; hy wearzge dêrfen. Hy wist it
dêrhinne libjen fen yet ûneinich mear: djip, djip yn it herte witte det
de twa net wirden binne ta ien, det de ienlings-ienlikheit bleau, dochs
fredich en yen skikkend njunken mankoar dêrhinne libje lyk as men yen
ek by bûtensteanders skikt, en den, by dy ôfstân yn it djipste, yet de
godslasterlike oerjefte fen de saseine folsleinens, dy’t ljeagen wirden
wier; hy forachte it. Hy hie roppen oan de himel en frege oan de séën,
en it bleau stil en leech allegear, en de fammen dêr’t er mei
forkearde, gyngen, en der kaem eangst en fortwiveling oer syn hert.

Do troch dy glei-tsjustere ûnwaersloft, de wearljochtflits, ien tel it
wrâldal yn ien stjerlik ljocht, hommels, ûnforwachte. En do’t er ta
himsels kaem, stiltme fen nijs, oantinken, sêftste mar for in jong
minske ek wreedste fieling, iensumheit. Ofstjerren fen hiel it âlde
bistean, in nije krite mei nije minsken, dêrtwisken hy, yet jimmer mei
syn âlde greate need. En út dat nije formidden ien nei foaren kommend
dy’t dy need like to nimmen, ien dy’t him forstean moast, troch de
adeling fen syn leed ef de wijing fen syn kinstnerskip mear as de
oaren, syn treast en rêdding dy’t er biwarje koe, de earste, iene kear
fen syn libben. Hy kaem nou to witten, en hy skamme him net mear nou’t
er alles bigriep, det er syn frjeon ljeafhawn hie. Hy skrille yet nou’t
de wolkens fen de striid en de ûnminsklike swierens dy’t dit forstean
oer hjar brocht hawwe scoe, syn tinzen oertsjusteren, en kearde him
fensels nei it sêfte streamende ljocht dêrfoaroer, en Esther hjar eagen
skynden yn sines.

Do learde er forstean det de lêste swym fen de need fen him weinomd
wier. Sêft en rêstich sloech syn herte nou’t er by himsels sei det syn
iensumens tonei gjin needlot mear wier, stil en klear bleau it yn him
do’t er to witten kaem det er hjar ljeafhie. It wier net nedich it to
sizzen, net ienris det hja it wist, it wier goed sa. It djipste fen syn
hert dat tsjuster bleaun wier oant nou, waerd forkleare. Safaek syn
eagen hjar seagen, safaek er hjar wirden hearde, sa klear as silveren
klokkeslach yn stille simmerjoun, glied it ljocht djipper yn him del,
syn eagen wounen de tearens fen lang lyn werom, as mei de Maitiid
bigoun alles yn him to bloeijen hwet forhoalen west hie yn de ierde, in
wûnder wier him bard. Eltse dei riet der in nije greate skoer yn it
webbe fen de iensumheit dat him syn hiele libben oerditsen hie, eltse
dei helle er de libbenswyn djipper yn en hy dy’t himsels loswraksele
hie fen de minsken, waerd nou bifrijd yn himsels. Hja moasten it oan
him merkbite, tocht er, hy koe net mear deselde iensume en faek
forbittere swalker lykje fen eren.

Mar hjir bleauwen syn tinzen by stean. Ho’t er hjar learde ljeaf to
krijen, oare ljeafde as hjar kleare frjeonskip forhope er fen hjar net.
Hy fielde det immen as hja net seach nei stân, mar sa ûneinich folle
mear as dat skaette hjar. Hja wist, koe it libben, hie hjar striid
woun; yn him libben wylde krêften dy’t fier wieren fen hjar frede. Hja
libbe as ien fen dyjingen dy’t de minskheit learing en iepenbiering
binne, hy wier der amper oan ta it earste fen hjar witten to forstean.
Hja koe wis gjin egen langsten mear hawwe, for him wier to libjen for
frjemden in wird bleaun. Hja wier de ljeafde dy’t hjar djippe stiltmen
spraet oer alle dingen fen it ierdske, hy it libben, dat spegele yn de
hillige saden, mar net dêrfen drinke doar. Ien great lok wier him
foarbihâlden: to fielen dat ûnder de hilliging fen hjar omgong al hwet
oan him klibbe út earder tsjusterer tiid fen him ôfliet en det er as
fensels syn eagen ôfkearde fen dingen dêr’t er earder ûnforskillich oer
hinne gien wier—dêroan wist er det syn eagen nou goed waerden en hy net
mear bleau hwa’t er west hie.

Sa gyng dy winter foarby en der wier in goede stille frede twisken de
trije minsken dêrre. Hja mijden it to praten oer hjar fielen for
mankoar, mar beide, Liuwe en Sjoerd, sochten nou Esther it meast. Hja
mirk it klear, en it joech hjar in stille blidens, earst om’t hja it sa
better tocht for de oaren al hie hja bliid west ta dy hjar frjeonskip,
letter ek om hjarsels; hja hie mear oan de twa hjirre dy’t hjar moaiste
tinzen dielden, as oan it machtiger selskip dat hja wol yn Hollân hawn
hie, dêr’t hja faek tsjin yn stride moatten hie om it ideael dat hjar
foar eagen stie, fen dy oaren earbiedigjen to dwaen. Ek hja, nei de
droktme fen dy omgong en hjar ynspande stúdzje, foun rêst op de pleats
op ’e romte en ûndergyng in tiid fen fornijing en sims miende hja det
hjar neat mear ûntbriek. Oant hja, ienris, in stille iere-Maitiidsjoun
do’t Liuwe spile hie en hja hwet nei to dreamen sieten en yn ienselde
tinzen en wijing dielden, hwet foaroerbûgd foar it finster en útsjend
nei it grien útrinnend hôf sêft foar hjar út sei: „Der moat in great
lok wêze yn de wrâld...” Hja sei it as yn hjarsels, de oaren swigen en
hja sieten wer stil, mar Sjoerd hie syn eagen net fen hjar ôf, en in
nij great tinken waerd yn him wekker, dat it waerm makke yn syn hert.

En de oare jouns socht er hjar yn it hôf dêr’t er hjar wist, for it
earst sûnt dy foarste joune wer mei hjar allinne. Hja seach him kommen,
efter de beammen dy’t it foarhôf fen it apelhôf skaetten oant er de
strewellen dêrtwisken fen siden sloech en yn deselde romte stie as hja.
Hja seach him oan hwet er freegje scoe ear’t er hjar joun sein hie en
bûgde hjar holle foaroer oer de bloeijende heester dy’t hja fol jong en
sterk libben seach; hjar herte sloech lûd, hja doarst net sjen nei him,
sa’t er dêr foar hjar stie, swijend, moai en sterk yn syn blauwe
boereklean, syn kleare eagen glânzgjend fen de joun en fen forhoping,
de linen fen in swier en stridend libben beitele op syn antlit. En yn
hjarsels tocht se: „dizze is dy’t dy komt to nimmen út dyn libben fen
dreamen en ideael om dy to setten yn sines, om dy dielen to dwaen yn
syn bistean” en hja leaude yn him en hie him ljeaf. Mar tagelyk
forriisde der folle oars foar hjar geast en hja fette det ek it
greatste lok hjar net lyts meitsje mocht foar hjar ropping oer.

Hy socht nei wirden, mar wist neat út to bringen; hy kaem nêst hjar en
sloech syn sterke earm om hjar skouder. Hja niigde hjar yet hwet
djipper, skoerde in bloeijend takje ôf en stiek it oan syn kile; do
metten hjar eagen sines en stil seagen hja in telmennich yn mankoar. En
sa, tsjin him oan en mei de ljeafde yn hjar eagen, bleau hja sterk en
sei hja him lústerjend hwet nedich wier: det hja nou wist fen him to
hâlden mar det der oare dingen west hienen yn hjar libben, det hja
tocht hie in ropping to hawwen yn hjarsels en tiid hawwe moast ta
klearrichheit to kommen. Hy lies de wirden fen hjar mûle en liet hjar
yet net los; it stried forheftich yn him, syn slieppen bounzen. Effen
niigde hja de holle as wachtsjend; do, fielend det syn earm op hjar
skouder rêsten bleau, sloech hja hjar eagen wer yn sines en sei stil:
„Scoest nimme wolle ear’t ik der ré for bin?” Do seach er foar him del
en liet hjar frij, hja knikte him ta.

Effen stiene hja der yette yn it hôf, swijend; koel striek de jounsigen
oer hjar hinne. Do seach hja him oan, lokkich, en sei: „Liuwe wachtet.
Giest mei?” Mei in frjemd fielen om syn herte, great lok en ûnneambere
forearing, folge er hjar; by de strewelle-mantel bûgde er de twigen
hwet fensiden en liet hjar trochgean. Mei hastige trêdden roun hja op
’e pleats ta; hy folge stadiger, in pear bledtsjes yn ’e hân dy’t er
fen it strewel ôfstrûpt hie. Alles wier frede yn him, yet nea wier de
ljeafde sa ta him komd. Efter tsjustere it hôf; de moanne stie fensiden
oer it lân, yn it west wier it ljocht fen de dei yette. Hy tocht om de
simmer dy’t komme moast, en fielde triennen twingen yn syn eagen.

De oare moarns wier Esther yntiids dwaende mei de blommen yn it hôf. It
jonge grien fen de beammen weve fyn om hjar ta, ljochtgoud lei der
yette in iler glâns oer hinne, de wyn striek koel hjar antlit foarlâns
en alles om hjar hinne skeat omhegen, tilde him nij yn de sêft
delsigende gloede. Hjar antlit stie earnstich, hwet ûnrêstichs libbe yn
de kleare blauwe eagen, bytiden trille der hwet om hjar mûle. Hja wist
sels net hwer’t it fen kaem, mar hja hie dy nachts ûnrêstich sliept, en
nou, mids it stille fine ljocht, bleau hwet skadichs hjar by, in frjemd
weagend fielen, dat hjar ûntrêstige en dêr’t hja hjar omdôch tsjin
forsette. Hja seach om hjar hinne, in kearmennich, as forwachte hja eat
to sjen dat hjar de reden fen hjar fielen forklearre, mar der wier neat
as gemûs fen it fûgelgûd yn de beammen en risseljen, hiel fyn, fen de
wyt en roaze bloeijende heesters; hja bûgde hjar wer oer hjar wirk, en
forwûndere hjar.

Yn de opkeamer spile Liuwe, hjir yn it hôf ûntkaem hjar gjin klank. Hja
hie der in skoft ôfwêzich nei harke, do, ynienen, rjuchte hja hjar
krêftich oerein, en harke skerper. Nou’t hja der acht op sloech, waerd
hja wis det krekt de fioele dat frjemde ûnrêstige fielen yn hjar wekker
hâldde. Hja droech it net langer, lei hjar blommemês del en joech hjar
nei in bank dy’t deun dêrby stie, tsjin de mantel oan. Hja wier der wis
fen det der hwet yn dy muzyk libbe dat hja nea earder heard hie, hwet
sa djip ynkringends det it alles yn yen wekker makke; de stream wier
net woelich noch lûd, mar ûnkearber fielde hja hjar meitwongen, de hân
foar de eagen as doarst hja de ein fen de feart net sjen. Dit wier gjin
spyljen lyk hja fen Liuwe wend wier, hjir libbe, yn de skyn fen frede,
sa hwet tsjusters en ûnneambers yn det hja omdôch bisocht der mei hjar
tinzen boppe út to kommen. Hommels weage de stream tsjuster en wyld op,
ûnlijige nachtlike geasten songen dêr trochhinne, de loft fortsjustere
foar hjar eagen, in great swier skaed strûsde neijer. Hjar eagen
glânzgen fen eangst, hjar hert bounze, hja naem de hannen gear yn hjar
skerte en twong de eagen omhegen, nei dêr’t de blauwens wêze moast fen
de Maitiidshimel. Do roun der in siddering oer hjar antlit en hja briek
út yn gûlen, wyld, hertstochtlik, wis det der in frjemd leed njunken
hjar stie; mei in skoftke bisocht hja to gean, nei de pleats ta, hja
wier as forlamme. De muzyk wier ôfbritsen yn in pear grille wanlûden,
hja gûlde, gûlde.

Nei in skoft, yn hjar eangstkramp in ivichheit, hearde hja hjar namme
neamen; Anke kaem op hjar ta, dwers oer it grien hinne, rimpener yette
as trochstrings, hjar antlit triljend fen oandwaning. Nou’t hja foar in
meiminske oer stie, net mear allinne wier mei hjar leed, wer wist hwet
der fen hjar ferge waerd, fielde hja hjar ynienen wer oerbrocht yn it
libben, wraksele hja maklik hwet fen hjar selsbitwang werom. Yet foar
de oar prate koe frege hja it: „Moeike, Liuwe ... hwet is der mei
Liuwe?” Anke slokte in kearmennich. „Moatst dalik meikomme, Esther” sei
se moeisum. Dalik joech Esther hjar oerein, yet ienris, mei in snok,
seach hja it hôf oer mei syn fyn fris maitiidsgrien, syn blossumjende
strewellen en ljocht-gouden glâns, do kearde hja hjar ôf fen de sinne
en roun nei de pleats, hird det Anke, griis en mêd, hymjend efteroan
kaem.

Liuwe laei, bûten westen, deadsbleek, op in grien-tripen rêstbank dêr’t
Anke en de faem him mei lijen op tild hienen; de moarnsinne foel ta it
sydfinster fen de opkeamer yn en liet syn blekens yet deadliker
útkomme. Esther knibbele nêst him, fielde syn polsslach, makke syn
klean los; do hiet hja de faem dy’t dêr forslein by stie, hjar wetter
en doeken to bringen. Tsjin Anke dy’t nei hjar stie to sjen as scoe fen
hjar Liuwe syn libjen ôfhingje, sei hja: „Dokter moat dalik komme, en
Heit en Sjoerd dalik fen it lân roppen. Soargje det alles deastil
bliuwt, ik moat hjir gjin lûd hearre. It hat noch nea sa slim west, wy
moatte ús ré hâlde for de skieding, moeike.” En do’t Anke yet twiivlich
stean bleau, der oan ta út to boarsten yn triennen: ,,Earst dwaen hwet
ik siz, moeike. Ik haw al tofolle tiid mei skriemen forlern.” Hja treau
hjar sêft de opkeamer út en knibbele wer del by hjar broer, kâlde
doeken oanlizzend en fornijend, mei al hjar sinen libjend yn hjar wirk,
hjar eagen net fen syn antlit ôf, sims yet stridend om hjarsels to
bihearskjen as hja tocht om dy jierren fen hjar famkes-tiid, as hja
nachten sa sitten hie oan syn sliepsté, hiel hjar herte yn bidding det
er bihâlden bliuwe mocht. Nou bea hja net mear, djip yn hjarsels
forstie hja det it bislút oer syn libben fallen wier, únôfkearber. Hiel
dy deis wier it hjar as wier hja net allinne mei Liuwe, hieltiid tocht
se om hwa’t se nea kend hie as yn fiere skimen fen oantinken, hjar Mem,
en der libbe in frjemde hillichheit om hjar hinne.

Tsjin de joun kaem Liuwe by. Sjoerd en hja wieren allinne yn de keamer,
hja nêst it bêd, Sjoerd foar it finster stoarjend nei de joun hwaens
brede sêfte goudgloede allinken forblikte en weiwaerd; djip yn it west
lôge it reade hert fen de dei yette, dêr’t de pleats laei kaem it
nachttsjuster al oan. Esther hie hjar eagen net fen Liuwe ôf en oan de
sêfte trillings fen syn antlit mirk hja det er dalik de eagen opslaen
scoe, mar hja doarst neat sizze en foun de rêst him oan to glimkjen as
wier der neat bard do’t er ta himsels kaem en om him hinne seach. In
skoft laei er roerleas om him hinne to sjen, allinne lei er syn iene
hân op Esther hjarres; en de frede fen de joun, yn ûnforweechlike
stiltme fen skieden, blonk ek yn syn greate grize eagen dêr’t Esther
alle kleuren yn kommen en gean seach, al nei de aerd fen syn tinzen.

„Sjoerd moat hjir ek komme” sei er do. „Ik moat jim hwet sizze. Kinst
my hwet opstoelje, Esther?”

„Ja” sei se, „ast ûnthjitte wolst hiel rêstich to bliuwen en dy stil to
hâlden sa gau ik dat siz.”

Hy glimke en seach nei Sjoerd dy’t tichterby kaem; oan syn eagen wier
it gûlen mear to sjen as oan Esther hjarres, dy’t hjar frede al wer
weromwoun hie, yn it witten fen hjar moatten. Sjoerd like wirch, de
greate ûnforwachte smerte dy’t nei de iene joun fen syn lok sa gau oer
him delslein wier, hie skaed fen soarch en linen fen leed oer syn
antlit litsen, hy gyng hwet foaroer en syn hannen trillen. Do’t er
Liuwe einlings oanseach, wier der safolle forsleinens yn syn wêzen det
sels dy yn syn need in bihoef yn him opkommen fielde om him to
treastigjen en him taglimke mei de eagen. Mar dalik dêrop tocht er om
hwet er hjar yet sizze woe, en effen loek syn mûle pynlik gear. Do’t
Sjoerd al siet, wachte er yet in skoft, mei de eagen hjar foarbysjend
nei bûten as socht er ljocht for syn tinzen. Do fielde Esther det syn
hân hjarres mei yet hwet mear klam effen omfette.

„Ik moat jim hwet hiel bitters sizze,” bigoun er. „Ik haw der altiten
yn mysels mei omtôge, it hie mysels sa tsjuster makke det ik nimmen’s
libben der mei bidjerre woe. Mar nou’t ik wol gau gean scil kin ik it
net mear allinne hâlde. It is krekt as kin ik it nou fen my ôfdwaen, en
as kin ik den wer sa wirde as ear’t ik dat wist. En it scil nou gjin
skaed mear twisken ús bringe, ik gean nou dochs.”

Hy spriek yet stadich, siikjend noch, heal tsjinstribjend as om syn
heimnis dochs yette to biwarjen. Hy wachte, en stried syn lêste striid
ear’t it swijen briek. Do’t er wer bigoun praette er fêster, as ien
dy’t wis is fen himsels en syn wirden.

„Ik wier as jonge tige ienselvich. It kaem net fen myn omkrite en
opfieding, Esther hat altiten sinne nei my tabrocht. Mar it laei djip
yn mysels, it wier myn aerd. Ik wier net sterk, fen lichum net en ek
net oer mysels. Der skriemde altiten in djip en stil leed yn my en ik
koe it net oerwinne. Hiel fier wei seach ik it ljocht wol en it like my
hiel moai, mar op it plak dêr’t ik stie bleau it tsjuster, sims nacht
mei wylde spoekbylden dy’t my riedleas makken, meast it stille
twiljocht fen wémoed. It is net moai sa jong to wêzen. Ik woe wol oars,
mar ik koe net foarút komme, ik wier machtleas.

Hie Esther der net west, ik wier deryn bleaun. Mar hjar ljocht dat
altiten om my hinne wier makke det ik gjin nocht oan myn wémoed en
tsjusterens hie, det ik se fielde as sûnde. As hja hjar earms om my
hinne hie, huvere ik fen mysels, sa’t ik wol west hie. Sims tocht ik
sels det ik ienris yn dy ljochte kriten nêst hjar wêze koe. Se wier myn
sinne en ik stie op in skadich en wiet plak, mar hja patte alles yn my
iepen, en al hie ik faek hekel oan mysels, ik forstie dochs det it
libben moai en great wêze koe. Ik haw wol oerginstich west op hjar
frede en hjar witten, mar sa oerginstich to wêzen is soun, dêr komt men
fierder mei.

Do’t ik om utens wier en ienlik mids frjemden, haw ik dêr in frjeon
krige dy’t hast noch mear for my wier as Esther. Ljeafde, sterke greate
ljeafde haw ik for my nea hawn, en ik haw sjoen det hwet de minsken sa
neame for de greate helte ynbylding is en selsbitsjoening. Ik hie God
ljeaf, dy heechste ûnfetbere krêft dêr’t alles út forriist en yn
forsinkt, minsken foun ik mar sa’n bytsje fen Him yn werom. Mar do hie
ik dochs in frjeon dy’t my tige nei wier, hwent hy hie Esther hjar
frede en wier great, en dochs wier er troch myn striid gien, en dat
bimoedige my sterk, hwent do tocht ik dat ek to birikken.

Ik leau net det it moai wier mei my om to gean, ik moat faek stymsk en
oerginstich west hawwe. Ik wist det ik trou wêze scoe, altyd, mar
miende sels neat jaen to kinnen en tocht det er de ien ef oare dei
bigjinne scoe him fen my ôf to jaen; as dat tinken der wier, forbittere
it my, oars wier ik lokkich en tankber. Hwet ik dy tiid krekt fielde en
forhope kin ik nou min mear sizze; it is in moai stil lân yn in
tsjustere woastenij en it leit nou sa fier efter my. Ik wier net
allinnich lokkich, mar ek greatsk, hwent myn frjeon wier sa’n ien as de
wrâld ljocht meitsje mei hjar witten en krêft, hy gyng heech twisken de
oaren en ik dielde yn al syn plannen en stie nêst him yn syn wirk. Dat
wier de greate tiid fen myn libben.”

Hy hâldde effen op, as ien dy’t nei it jounljocht sjoen to hawwen yn it
West, in telmennich de eagen slút ear’t er se de nacht takeart. It wier
hiel stil om hjar hinne. Esther hearde Sjoerd syn swier triljend
sykheljen en bigriep det der ien wier hwaens herte yet mear bounze yn
dit wachtsjen as hjarres.

„Wy wieren altiten bymankoar, for my wier der oars ek neat as syn wirk
en myn frjeonskip; ik libbe dêr sa yn det it wol opfalle moast. Hy hie
folle oerginst wekke by de oaren, en hja hiene net folle wapens tsjin
him. In joune, do’t ik in pear wirden opfong fen in petear dat ik net
hearre meijen hie, mirk ik det hja minne dingen fen ús fortelden. Der
sloech in dof en wé fielen yn my del as deadseangst en in greate hate
det sa grousum skeind waerd hwet myn iene blidens útmakke hie. Ik hie
in moart dwaen kinnen, mar roun fierder yn ’e sûs, amper mear wittend
det ik libbe. Do’t ik it him nei folle striid sei, en my ré makke for
de skieding, lake er; hy fielde him sterk, forbea my to gean, boun de
striid tsjin hjar min tinken oan. Ik hie sûnt gjin rêstige ûre mear.

Ik kin de ilinde fen dy tiid net mear sizze, mar ik seach foar myn
eagen det er forlear. Faek haw ik him bisward det ik gean scoe; alles
twisken ús wier dochs bidoarn; hy wegere, sei det er dalik in oar nêst
him nimme scoe as ik forkeas to gean, sette de striid troch, mar der
kaem hwet hirds om syn mûle. In moarntiid do’t ik nei him tagyng mette
ik by de doar in moai bloun fanke, dat my oanseach mei eagen fol hate
en do yn triennen útboarste; do’t ik by him kaem seach ik det de ring
fen syn finger ôf wier. Dyselde jouns wier der gearkomste fen de club
dêr’t hy de lieding oer hie; by de stimming keazen hja, sûnder útliz,
mei greate mearheit in oar. Ik doarst dy jouns hast net by him weigean,
en roun mids yn ’e nacht nei syn hûs; it minske dêr’t er by ynwenne,
wier foart en ik hie in kaei. Ik foun him yn syn keamer tsjin de flier,
bloed oan de holle; hy hie him deasketten.

Hwet der do yn my bard is kin ik mei wirden net sizze. Mar for my wier
it in moart, en der wier in skildige; dy skildige wier God en de wrâld
mei-ien. En der is sa greate hate yn my to libjen komt, hate yn al it
bisteande, det it neamen dêrfen yet as fenyn op myn tonge barnt.
Lokkich waerd ik deasiik sa’t ik in tiid lang net mear tinke koe. Mar
it tsjuster hie my yn ien slach nomd, do’t ik better waerd wier ik
krêftleas, mar yn myn ûnmacht yet haetsjend. De earste kear detstû dy
oer my hinne bûgdest, sloech ik dy Esther, en allinne de smertlike
ljeafde dêrst my mei oanseachst, makke det ik my fen dy kearde en my
snokkerjend yn myn kjessens goaide. De sûnde fen de wrâld twong my ta
de sûnde fen de haet. Det wy dêrtroch beide skildich stienen, haw ik
earst folle letter sjoen. Jim scille nea witte hwet it is sa to libjen
det eltse minske dy’t men sjucht yen mei deadlike hate bisielet, det
men de sinne fen de loft skoerre woe en hjar dôvje yn de ôfgroun, de sé
opswypkje en it minskdom dêryn wrakseljend forsinken dwaen.

Nou fiel ik my dêrmei skildich; ik haw leard det de wrâld forlost wirde
moat. Wier ik sterk, ik scoe nei hjar tagean en for neat as hjar heil
mear libje, net út ropping, mar om myn boete. Der is earmoede en
ilinde, en bûten it jild is der laster en skande, en hja binne to
forstean. Mar den moat de minske libje sa as nou yet mar inkelden. Net
as dy’t hjar útforkeazen neame en yn hjar dwaen iepenbierje hja it
ôfstjitlikste fen de sûnde-wrâld, mar as hja dy’t gjin egen bilangen
mear hawwe njunken Minskheit hjarres. Mar ik bin straft, ik scil myn
skild net boetsje meije...”

Hy bigoun wer to hymjen, in bange glâns ljochte op yn syn eagen; Esther
sloech hjar earm om syn hals en lei de oare hân op syn foarholle. Do
sei hja stil: „De skild dy’t dy nou biswieret, dy nimme wy op ús. Wy
scille hjar boetsje lâns de wei dystû sein hast; der is gjin oare. Kom
ta frede, oer de ûndergongen hinne ljochtet de moarn. Mei ús libben
jimmer sa wier wêze as dines, de striid hat dy lottere.”

Yet in toarn sieten hja sa, hy mêd efteroer yn syn kjessens. Do gyng
Esther oerein en joech hjar nei hjar piano; as in dream fen hillichheit
rûze in sêfte muzyk troch de keamer. Sjoerd gyng nei hjar plak, en
hâldde Liuwe syn hân yn sines. Effen seagen hja mankoar oan yn in
djipper forstean as ea tofoaren, ienselde wijing libbe nou yn hjar
herte, nei ienselde ljeafde gyngen nou hjar tinzen. Hja koene net mear
drôf wêze, alles like hjar sa forkleare. By de kjersen spyljend,
skriemde Esther sêft.




X.


Esther siet foar it opkeamersfinster to lêzen. Hja lies mei ynspanning,
de eagen net fen de bledkanten ôf; sims makke hja in licht biweech mei
de holle, en mei in potlead sette hja in streek oan de kant. Troch it
finster en de lichte wite kleden hinne foel it goudljocht fen de
rypjende Maitiidsdei op hjar prachtich effen-bloun hier, skampend oer
hjar blanke foarholle, de fine noas en de wilsterke mûle; de
line-beammen, nou de leaven heechhâldend yn nij-griene gloede, weauwen
mei de wizen fen de wyn it finster bylâns det ljochtglimpen troch de
koele romme keamer skeaten, tafel en stoellen oer, opspegeljend by de
glêzen fen de boekekast op it plak dêr’t earder de tryp-oerklaeide
rêstbank stien hie. Unforweechlik siet hja dêr en lies; hja wier yn de
rou, de earnst fen hjar wêzen foege by de earnst fen hjar dracht.

Mei in skoft die hja it boek ta, gyng oerein en joech hjar nei it
finster dêrfoaroer, dat útseach op it hôf. Hja skoude it finster iepen,
in lytse sucht fen de wyn dy’t dêr alles rûzjen die yn bliid biweech
woe hja ek op hjar keamer fiele. Do stie hja wer stil, seach nei bûten,
en tocht om it forline. In pear lette parrebeammen stiene yet yn
blossumpracht, it gers laei as in swier grien tapyt twisken de beammen
spraet, hiel it hôf laei dêr yn in steatlike earnstige rêst dêr’t de
jonge Maitiidsbloei wyt en bliid trochhinne blonk. De hannen foelen wer
gear yn hjar skerte, de rêstige blanke foarholle niigde foaroer. Hja
mocht sterk wêze wolle, to nij wier it leed yet om it by lytse
oanliedings net yet aloanwer nij to fielen. Hjir stie hja, iensum yn
hjar drove dracht, dêr bloeide en tierde it libben, krêftich út
fruchtbere ierde omheech rizend yn de ljochtsjende dei.

Hjoed de hyltiid hie hja it ynkearde antlit fen hjar broer wer foar
hjar. Hja wist yet fen hjar famkestiid, ho’t hja hjir mei moeike Anke
wol yn wiis petear oer de húshâlding stien hie, tomûk útkypjend nei
bûten dêr’t Liuwe yn in greate stoel laei to dreamen, de eagen nei it
geglyd fen it ljocht troch de waeijers fen leafgrien boppe syn holle.
In stik fen hjar libben wier mei him foartgien. Hjar ljeafde hie nea
west for hwet er hie mar for hwet him ûntbriek, famke en faem hie hja
Mem wêze wollen oer dy tingere twiivlige jonge mei syn striidswier
bistean, jierren hie it hjar tinzen folmakke, ynhâld oan hjar libben
jown—wier den hiel dit bistean tarissing for it stjerren allinne, hie
hja mei al hjar ljeafde-jaen neat betters birikke kinnen as det er
freedlik en forkleare oergien wier nei it ûnneambere, dizze iene winst,
woech hja op tsjin al dy soargen en stil-forkroppe triennen? Hja wist
det, hie it kinnen, hja mei gjin oar lean yn it foarútsjuch hiel dy
moeisume wei wer gien wêze scoe, det hja ré west hie hjarsels it
dûbelde fen hjar ynspanning ôf to fergjen, for neat as dat. Liuwe hie
mear as hjar broer, hjar jonge west, hjar smerte-bern dat hjar it
libben swier makke hie fen soarch: ho ienlik wier hja nou’t dat
soargjen hjar ôfnomd wier! Mei it libben fen hjar hert wier hja nou
allinne.

Hja tocht om Sjoerd dy’t hja forwachte en bigriep hjarsels net. Hy hie
alles hwet him bigearlik meitsje moast yn de eagen fen in frou: in
great hert, in djip bistean, in swier libben efter him, mar hy wier net
ûndergien, hy scoe, hy moast oerwinner wirde yn de libbensstriid, hja
forsinde hjar net yn him. Sjuch dêr de seine fen it jild, tocht hja
bitter, Liuwe dy’t neat brek hawn hie as it libben en dêr’t it libben
op spile en yn stoarme hie oant it tinger ynstremint briek, hy de jonge
fen it folk dy’t greatbrocht wier yn earmoede en bodzjen, dy’t bleat
stien hie oan alle bidrigings fen it libben, dy’t gjin minder swier
bistean hawn hie as Liuwe, like djip fen langst, like tsjuster
wrakseljend, mar dy’t de holle optille scoe út it dynjend wiet en it
strân wer birikke, inkeld om’t er sterker wier. Hjar hert slingere
hinne en wer twisken oanhinklikens for it forstjerrende en ljeafde for
it forrizende, mar nou, yn de farskens fen it leed, wier Liuwe hjar yet
de neiste. Hja bigriep det it sa net bliuwe mocht en wraksele it ljocht
wer tomjitte, mar dizze Sneintomiddei wier yette routiid for hjar.

Hja hearde Sjoerd oankommen troch de keamer, en makke hjar los fen hjar
tinzen oer hwet gien wier. Hja moast tinke om hjar takomst, hja wachte
hjoed fen him syn útstel oer hjar wegen tonei; oars hiene hja sûnt
Liuwe syn forstjerren, in moanne lyn nou, dêr net mear oer praet. Hja
seach hjar egen wei klear foar hjar, mar woe him sines net wize, en
fielde det hjar libbens tofolle geargroeid wieren om him kâldwei to
sizzen sa’t hja for hjarsels bisletten hie for de takomst. Do’t hja him
ynkommen seach en sei det hja him to wachtsjen siet, foel it hjar op ho
fêst en wis nou syn hiele hâlden wier, neat mear fen dy twiivlichheit
dy’t hja sels yet by him merkbiten hie do’t hja mankoar founen for it
earst,—ien dy’t syn wegen wit en se gean scil oant de ein. En djip yn
hjar waerd in waerm fielen wekker, hy wier moai bleaun mei syn
skerp-teikene holle, syn opglânzgjende en wer weidreamende blauwe
eagen, syn feardige, kante lea, sa as it de frou weelde is nêst hjar to
hawwen yn de libbensstriid. Wol forstie hja nou det hy it wird sizze
scoe oer hjar takomst.

— In dei fen frede, sei hja stil.—Eft de ierde in nij libben bigjint.

— Ja, sei er. Mar it binne de âlde krêften dy’t hjar bisielje, en de
ôffallen blêdden fen forline hjerst wirde frucht for dizze. It forline
set him foart yn de takomst.

— Dû woest sizze det nimmen him losmeitsje kin fen hwet west hat.

— Ik mien det forjitte to wollen leffer is as net forjitte to kinnen.
For my, Esther, is der nou mear as it hôf mei syn blossums en grien
ûnder ús finsters. Sels hjirhinne is de wrâld krongen mei hjar ilinde.
It is as in warskôging, in rop, det ik gjin rjucht haw to dreamen,
wylst loft en ierde fol leed is.

— Dos giestû, en ik bliuw hjir allinne?

— Forjowst my, Esther, as ik fiel det it sa moat?

— Ik scoe dy net forjaen ast it oars field hiest, sei hja sêft.—Ik ek,
ik scoe nou net mear oars kinne. As famke tocht ik wol det myn ropping
lyts wier, Liuwe allinne. Wy hiene noed fen him, en ik tocht, ik hie
him rêdden. Do kaem de wrâld en sloech him del. Ropping by minsken is
foroardiele ûnder to gean, salang’t de wrâld bidoarn is en fol fenyn.

— Der is ien leed, Esther, sei er.—Us egen libben is der mei moeid.
Nou’t wy dit witte is ús in doar sletten dy’t...

— Us tige rykdom iepene hie, folle hja oan.—Mar it Paradys is ta for
allegearre, Sjoerd. It waerd sletten do’t der twa minsken komd wieren,
en de ien in bilang hawn hie foar de oar. It scil net wer iepen gean
ear’t it egen-bilang opgien is yn it heil fen de minskheit. Hwet
scilstû dwaen?

— Nei de wrâld gean en siikje wizer to wirden. Ik ha woun det ik yn
mysels leau, mar my ûntbrekt folle, ik ha sa gjin fjild for myn krêft,
en hja doocht sa net ta de striid. Ik krij in swier libben, Esther, mar
ik wit detst yn dyn tinzen by my wêze scilst.

— Noch is myn ropping yn lytse rounte steld, sei hja.—Mar hjir yn it
doarp scil ik dwaen hwet ik kin. Liuwe hat in bigjin makke, ik scil it
foartsette. Hja scille sjen det jild noch stân macht hawwe oer de siele
fen de minske. Ljeaver hún fen oaren as in deade siel. Al is it bliid
mear jaen to kinnen as mannichien.

In skoft wier it stil. Beide wieren hja yn hjar tinzen allinne. Do sei
Sjoerd:

— Sa ûngelikense wegen binne wy gien, dû en ik. En dochs sjuch ik se
gearrinnen en ien wirden. Wy skiede net Esther, al moat ik nou in skoft
gean. Sa’n swiere winst wier ús al it forstean fen ús ropping. En ta it
lok binne wy yet lang net komd. Mar miskien...

Hja stie foar in finster en wiisde mei hjar hân nei it wide fjild om
hjar hinne, nei de púnwei dy’t in ein fierder as in gouden streek troch
it lân loek en de pear toerspitskes tsjin de kym.

— Sa fredich en klear leit de wrâld dêr hinne, sei hja.—Mar bloedich
moat der fochten wirde ear’t de minske syn rjucht op in lyts stikje lok
jilde litte mei. De lippen moatte yet mar hwet fêster opmankoar en de
eagen yet striidberder. As efter dy strangens it sêfte fjûr fen de
ljeafde mar lôgjen bliuwt!

Wer stiene hja nêst mankoar, hy de earm om hjar skouders, fen de hege
opkeamer fierkjend nei de moeting fen loft en ierde. In frjemde wijing
wier oer hjar komd, as rigen dêrûnder foar hjar yn einleaze lingten
skimen fen soarch en leed, fen sûnde en selssucht en niid, en as gyngen
hja dy meimankoar tomjitte, striidber troch ienselde ljeafde, roppen ta
ienselde wirk. Hja kearden hjar ôf fen dat sjen en seagen yn mankoar’s
eagen, alles wittend, alles oerjaend. Do patte er hjar op ’e foarholle
en naem hjar hân; en mei in lêst lústerjen fen hjar namme joech er him
wei fen de ljeafde dy’t him de himel biwarre, nei de ûnlijige wrâld
dy’t mei skomjende hertstochten tsjuster rûze yn de forhoalen fierten.

— Ein. —

_Skreaun Febr.—April_ 1921.


*** END OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK DE SWIERE WINST ***


    

Updated editions will replace the previous one—the old editions will
be renamed.

Creating the works from print editions not protected by U.S. copyright
law means that no one owns a United States copyright in these works,
so the Foundation (and you!) can copy and distribute it in the United
States without permission and without paying copyright
royalties. Special rules, set forth in the General Terms of Use part
of this license, apply to copying and distributing Project
Gutenberg™ electronic works to protect the PROJECT GUTENBERG™
concept and trademark. Project Gutenberg is a registered trademark,
and may not be used if you charge for an eBook, except by following
the terms of the trademark license, including paying royalties for use
of the Project Gutenberg trademark. If you do not charge anything for
copies of this eBook, complying with the trademark license is very
easy. You may use this eBook for nearly any purpose such as creation
of derivative works, reports, performances and research. Project
Gutenberg eBooks may be modified and printed and given away—you may
do practically ANYTHING in the United States with eBooks not protected
by U.S. copyright law. Redistribution is subject to the trademark
license, especially commercial redistribution.


START: FULL LICENSE

THE FULL PROJECT GUTENBERG LICENSE

PLEASE READ THIS BEFORE YOU DISTRIBUTE OR USE THIS WORK

To protect the Project Gutenberg™ mission of promoting the free
distribution of electronic works, by using or distributing this work
(or any other work associated in any way with the phrase “Project
Gutenberg”), you agree to comply with all the terms of the Full
Project Gutenberg™ License available with this file or online at
www.gutenberg.org/license.

Section 1. General Terms of Use and Redistributing Project Gutenberg™
electronic works

1.A. By reading or using any part of this Project Gutenberg™
electronic work, you indicate that you have read, understand, agree to
and accept all the terms of this license and intellectual property
(trademark/copyright) agreement. If you do not agree to abide by all
the terms of this agreement, you must cease using and return or
destroy all copies of Project Gutenberg™ electronic works in your
possession. If you paid a fee for obtaining a copy of or access to a
Project Gutenberg™ electronic work and you do not agree to be bound
by the terms of this agreement, you may obtain a refund from the person
or entity to whom you paid the fee as set forth in paragraph 1.E.8.

1.B. “Project Gutenberg” is a registered trademark. It may only be
used on or associated in any way with an electronic work by people who
agree to be bound by the terms of this agreement. There are a few
things that you can do with most Project Gutenberg™ electronic works
even without complying with the full terms of this agreement. See
paragraph 1.C below. There are a lot of things you can do with Project
Gutenberg™ electronic works if you follow the terms of this
agreement and help preserve free future access to Project Gutenberg™
electronic works. See paragraph 1.E below.

1.C. The Project Gutenberg Literary Archive Foundation (“the
Foundation” or PGLAF), owns a compilation copyright in the collection
of Project Gutenberg™ electronic works. Nearly all the individual
works in the collection are in the public domain in the United
States. If an individual work is unprotected by copyright law in the
United States and you are located in the United States, we do not
claim a right to prevent you from copying, distributing, performing,
displaying or creating derivative works based on the work as long as
all references to Project Gutenberg are removed. Of course, we hope
that you will support the Project Gutenberg™ mission of promoting
free access to electronic works by freely sharing Project Gutenberg™
works in compliance with the terms of this agreement for keeping the
Project Gutenberg™ name associated with the work. You can easily
comply with the terms of this agreement by keeping this work in the
same format with its attached full Project Gutenberg™ License when
you share it without charge with others.

1.D. The copyright laws of the place where you are located also govern
what you can do with this work. Copyright laws in most countries are
in a constant state of change. If you are outside the United States,
check the laws of your country in addition to the terms of this
agreement before downloading, copying, displaying, performing,
distributing or creating derivative works based on this work or any
other Project Gutenberg™ work. The Foundation makes no
representations concerning the copyright status of any work in any
country other than the United States.

1.E. Unless you have removed all references to Project Gutenberg:

1.E.1. The following sentence, with active links to, or other
immediate access to, the full Project Gutenberg™ License must appear
prominently whenever any copy of a Project Gutenberg™ work (any work
on which the phrase “Project Gutenberg” appears, or with which the
phrase “Project Gutenberg” is associated) is accessed, displayed,
performed, viewed, copied or distributed:

    This eBook is for the use of anyone anywhere in the United States and most
    other parts of the world at no cost and with almost no restrictions
    whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms
    of the Project Gutenberg License included with this eBook or online
    at www.gutenberg.org. If you
    are not located in the United States, you will have to check the laws
    of the country where you are located before using this eBook.
  
1.E.2. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is
derived from texts not protected by U.S. copyright law (does not
contain a notice indicating that it is posted with permission of the
copyright holder), the work can be copied and distributed to anyone in
the United States without paying any fees or charges. If you are
redistributing or providing access to a work with the phrase “Project
Gutenberg” associated with or appearing on the work, you must comply
either with the requirements of paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 or
obtain permission for the use of the work and the Project Gutenberg™
trademark as set forth in paragraphs 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.3. If an individual Project Gutenberg™ electronic work is posted
with the permission of the copyright holder, your use and distribution
must comply with both paragraphs 1.E.1 through 1.E.7 and any
additional terms imposed by the copyright holder. Additional terms
will be linked to the Project Gutenberg™ License for all works
posted with the permission of the copyright holder found at the
beginning of this work.

1.E.4. Do not unlink or detach or remove the full Project Gutenberg™
License terms from this work, or any files containing a part of this
work or any other work associated with Project Gutenberg™.

1.E.5. Do not copy, display, perform, distribute or redistribute this
electronic work, or any part of this electronic work, without
prominently displaying the sentence set forth in paragraph 1.E.1 with
active links or immediate access to the full terms of the Project
Gutenberg™ License.

1.E.6. You may convert to and distribute this work in any binary,
compressed, marked up, nonproprietary or proprietary form, including
any word processing or hypertext form. However, if you provide access
to or distribute copies of a Project Gutenberg™ work in a format
other than “Plain Vanilla ASCII” or other format used in the official
version posted on the official Project Gutenberg™ website
(www.gutenberg.org), you must, at no additional cost, fee or expense
to the user, provide a copy, a means of exporting a copy, or a means
of obtaining a copy upon request, of the work in its original “Plain
Vanilla ASCII” or other form. Any alternate format must include the
full Project Gutenberg™ License as specified in paragraph 1.E.1.

1.E.7. Do not charge a fee for access to, viewing, displaying,
performing, copying or distributing any Project Gutenberg™ works
unless you comply with paragraph 1.E.8 or 1.E.9.

1.E.8. You may charge a reasonable fee for copies of or providing
access to or distributing Project Gutenberg™ electronic works
provided that:

    • You pay a royalty fee of 20% of the gross profits you derive from
        the use of Project Gutenberg™ works calculated using the method
        you already use to calculate your applicable taxes. The fee is owed
        to the owner of the Project Gutenberg™ trademark, but he has
        agreed to donate royalties under this paragraph to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation. Royalty payments must be paid
        within 60 days following each date on which you prepare (or are
        legally required to prepare) your periodic tax returns. Royalty
        payments should be clearly marked as such and sent to the Project
        Gutenberg Literary Archive Foundation at the address specified in
        Section 4, “Information about donations to the Project Gutenberg
        Literary Archive Foundation.”
    
    • You provide a full refund of any money paid by a user who notifies
        you in writing (or by e-mail) within 30 days of receipt that s/he
        does not agree to the terms of the full Project Gutenberg™
        License. You must require such a user to return or destroy all
        copies of the works possessed in a physical medium and discontinue
        all use of and all access to other copies of Project Gutenberg™
        works.
    
    • You provide, in accordance with paragraph 1.F.3, a full refund of
        any money paid for a work or a replacement copy, if a defect in the
        electronic work is discovered and reported to you within 90 days of
        receipt of the work.
    
    • You comply with all other terms of this agreement for free
        distribution of Project Gutenberg™ works.
    

1.E.9. If you wish to charge a fee or distribute a Project
Gutenberg™ electronic work or group of works on different terms than
are set forth in this agreement, you must obtain permission in writing
from the Project Gutenberg Literary Archive Foundation, the manager of
the Project Gutenberg™ trademark. Contact the Foundation as set
forth in Section 3 below.

1.F.

1.F.1. Project Gutenberg volunteers and employees expend considerable
effort to identify, do copyright research on, transcribe and proofread
works not protected by U.S. copyright law in creating the Project
Gutenberg™ collection. Despite these efforts, Project Gutenberg™
electronic works, and the medium on which they may be stored, may
contain “Defects,” such as, but not limited to, incomplete, inaccurate
or corrupt data, transcription errors, a copyright or other
intellectual property infringement, a defective or damaged disk or
other medium, a computer virus, or computer codes that damage or
cannot be read by your equipment.

1.F.2. LIMITED WARRANTY, DISCLAIMER OF DAMAGES - Except for the “Right
of Replacement or Refund” described in paragraph 1.F.3, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation, the owner of the Project
Gutenberg™ trademark, and any other party distributing a Project
Gutenberg™ electronic work under this agreement, disclaim all
liability to you for damages, costs and expenses, including legal
fees. YOU AGREE THAT YOU HAVE NO REMEDIES FOR NEGLIGENCE, STRICT
LIABILITY, BREACH OF WARRANTY OR BREACH OF CONTRACT EXCEPT THOSE
PROVIDED IN PARAGRAPH 1.F.3. YOU AGREE THAT THE FOUNDATION, THE
TRADEMARK OWNER, AND ANY DISTRIBUTOR UNDER THIS AGREEMENT WILL NOT BE
LIABLE TO YOU FOR ACTUAL, DIRECT, INDIRECT, CONSEQUENTIAL, PUNITIVE OR
INCIDENTAL DAMAGES EVEN IF YOU GIVE NOTICE OF THE POSSIBILITY OF SUCH
DAMAGE.

1.F.3. LIMITED RIGHT OF REPLACEMENT OR REFUND - If you discover a
defect in this electronic work within 90 days of receiving it, you can
receive a refund of the money (if any) you paid for it by sending a
written explanation to the person you received the work from. If you
received the work on a physical medium, you must return the medium
with your written explanation. The person or entity that provided you
with the defective work may elect to provide a replacement copy in
lieu of a refund. If you received the work electronically, the person
or entity providing it to you may choose to give you a second
opportunity to receive the work electronically in lieu of a refund. If
the second copy is also defective, you may demand a refund in writing
without further opportunities to fix the problem.

1.F.4. Except for the limited right of replacement or refund set forth
in paragraph 1.F.3, this work is provided to you ‘AS-IS’, WITH NO
OTHER WARRANTIES OF ANY KIND, EXPRESS OR IMPLIED, INCLUDING BUT NOT
LIMITED TO WARRANTIES OF MERCHANTABILITY OR FITNESS FOR ANY PURPOSE.

1.F.5. Some states do not allow disclaimers of certain implied
warranties or the exclusion or limitation of certain types of
damages. If any disclaimer or limitation set forth in this agreement
violates the law of the state applicable to this agreement, the
agreement shall be interpreted to make the maximum disclaimer or
limitation permitted by the applicable state law. The invalidity or
unenforceability of any provision of this agreement shall not void the
remaining provisions.

1.F.6. INDEMNITY - You agree to indemnify and hold the Foundation, the
trademark owner, any agent or employee of the Foundation, anyone
providing copies of Project Gutenberg™ electronic works in
accordance with this agreement, and any volunteers associated with the
production, promotion and distribution of Project Gutenberg™
electronic works, harmless from all liability, costs and expenses,
including legal fees, that arise directly or indirectly from any of
the following which you do or cause to occur: (a) distribution of this
or any Project Gutenberg™ work, (b) alteration, modification, or
additions or deletions to any Project Gutenberg™ work, and (c) any
Defect you cause.

Section 2. Information about the Mission of Project Gutenberg™

Project Gutenberg™ is synonymous with the free distribution of
electronic works in formats readable by the widest variety of
computers including obsolete, old, middle-aged and new computers. It
exists because of the efforts of hundreds of volunteers and donations
from people in all walks of life.

Volunteers and financial support to provide volunteers with the
assistance they need are critical to reaching Project Gutenberg™’s
goals and ensuring that the Project Gutenberg™ collection will
remain freely available for generations to come. In 2001, the Project
Gutenberg Literary Archive Foundation was created to provide a secure
and permanent future for Project Gutenberg™ and future
generations. To learn more about the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation and how your efforts and donations can help, see
Sections 3 and 4 and the Foundation information page at www.gutenberg.org.

Section 3. Information about the Project Gutenberg Literary Archive Foundation

The Project Gutenberg Literary Archive Foundation is a non-profit
501(c)(3) educational corporation organized under the laws of the
state of Mississippi and granted tax exempt status by the Internal
Revenue Service. The Foundation’s EIN or federal tax identification
number is 64-6221541. Contributions to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation are tax deductible to the full extent permitted by
U.S. federal laws and your state’s laws.

The Foundation’s business office is located at 809 North 1500 West,
Salt Lake City, UT 84116, (801) 596-1887. Email contact links and up
to date contact information can be found at the Foundation’s website
and official page at www.gutenberg.org/contact

Section 4. Information about Donations to the Project Gutenberg
Literary Archive Foundation

Project Gutenberg™ depends upon and cannot survive without widespread
public support and donations to carry out its mission of
increasing the number of public domain and licensed works that can be
freely distributed in machine-readable form accessible by the widest
array of equipment including outdated equipment. Many small donations
($1 to $5,000) are particularly important to maintaining tax exempt
status with the IRS.

The Foundation is committed to complying with the laws regulating
charities and charitable donations in all 50 states of the United
States. Compliance requirements are not uniform and it takes a
considerable effort, much paperwork and many fees to meet and keep up
with these requirements. We do not solicit donations in locations
where we have not received written confirmation of compliance. To SEND
DONATIONS or determine the status of compliance for any particular state
visit www.gutenberg.org/donate.

While we cannot and do not solicit contributions from states where we
have not met the solicitation requirements, we know of no prohibition
against accepting unsolicited donations from donors in such states who
approach us with offers to donate.

International donations are gratefully accepted, but we cannot make
any statements concerning tax treatment of donations received from
outside the United States. U.S. laws alone swamp our small staff.

Please check the Project Gutenberg web pages for current donation
methods and addresses. Donations are accepted in a number of other
ways including checks, online payments and credit card donations. To
donate, please visit: www.gutenberg.org/donate.

Section 5. General Information About Project Gutenberg™ electronic works

Professor Michael S. Hart was the originator of the Project
Gutenberg™ concept of a library of electronic works that could be
freely shared with anyone. For forty years, he produced and
distributed Project Gutenberg™ eBooks with only a loose network of
volunteer support.

Project Gutenberg™ eBooks are often created from several printed
editions, all of which are confirmed as not protected by copyright in
the U.S. unless a copyright notice is included. Thus, we do not
necessarily keep eBooks in compliance with any particular paper
edition.

Most people start at our website which has the main PG search
facility: www.gutenberg.org.

This website includes information about Project Gutenberg™,
including how to make donations to the Project Gutenberg Literary
Archive Foundation, how to help produce our new eBooks, and how to
subscribe to our email newsletter to hear about new eBooks.